[0642] Yn Twa Artikels Út 1976 Hat Miedema Wiisd Op in Dialektferskynsel, Dat Yn Ferskate Âldfryske Oarkonden, Yn Haadsaak
US WURK XXXV (1986), p. 27 [0642] DIALEKTYSK KLEURE ALDFRYSK FAN IN LJOUWERTER PASTOAR Yn twa artikels út 1976 hat Miedema wiisd op in dialektferskynsel, dat yn ferskate âldfryske oarkonden, yn haadsaak út Eastergoa, fûn wurde kin, te witten de oergong fan 'e Aldfryske e ta a foar -s, -t, -r, -l, -n, -k, -g en -pl. Sprekkende foarbylden dêrfan kinne oanwiisd wurde yn it testamint fan Sibbel Sibbitzme, in lid fan it Ljouwerter haadlingeslachte Auckama, út 1501, dêr't spitigernôch allinne mar in kopy fan oerlevere is (O I 449) 2. No hie Gosses al ris opmurken dat lyksoartige a-foarms foarkomme yn twa orizjinele oarkonden út deselde tiid, dy't beide allyksa út Ljouwert komme (O I 448 en 450) 3. De earste dêrfan is útgien fan 'e fâden fan it Sakra- mintsgilde, dêr’t ek de twa pastoars fan 'e tsjerke fan Sint Vitus fan Aldehou, maester (magister) Mamma en hear Fedda, by binne, de twadde fan trije persoanen, dêrûnder op 'en nij de beide pastoars fan Aldehou. Miedema achtet it net ûnmooglik dat ien fan har (of beide) de teksten opsteld of skreaun hat. De skriuwer soe dan ferantwurdlik wêze kinne foar de dialektyske kleur fan 'e oarkonden O I 448 en 450 en ek fan Sibbel Sibbitzme har testamint. Syn ûndersyk rûn lykwols stomp. Yn it foarste plak waard him troch de doetiidske gemeente-argivaris fan Ljouwert meidield dat de twa orizjinele oarkonden nèt fan ien en deselde hân binne. Boppedat fûn Miedema yn 'e âldfryske oarkonden dêr’t maester Mamma en hear Fedda as segeler of testamentarius yn neamd wurde, gjin dúdlike oanwizings foar it brûken fan a-foarms.
[Show full text]