De Útsûnderlike Oarsprong Fan De Steaten Fan Fryslân 2 De Útsûnderlike Oarsprong Fan De Steaten Fan Fryslân Troch Oebele Vries
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
Frijheid fan Fryslân I De útsûnderlike oarsprong fan de Steaten fan Fryslân 2 De útsûnderlike oarsprong fan de Steaten fan Fryslân troch Oebele Vries Fryske frijheid Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert binne yn 1895 fjouwer histoarjeskilderingen mei tafrielen út de Fryske skiednis oanbrocht. Ien dêrfan lit in Fryske ealman sjen, Gemme van Burma- nia, dy’t wegeret om de nije lânshear, kening Filips II, knibbeljend te huldigjen. Dat soe him yn 1555 yn Brussel ôfspile ha. Gemme wie dêr doe as ien fan de fertsjintwurdigers fan de Fryske Steaten. It giet hjirby om in letter op- tocht ferhaal. Dochs kinne wy sizze dat de strekking kloppet. Bedoeld wurdt nammentlik dat de Friezen fanâlds net wend wiene oan in lânshear. Oant 1498 wiene se frij fan sokke hearskers. Dy tiid wurdt dêrom ek wol de tiid fan de Fryske frijheid neamd. Sadwaande waard ek noch lang tocht dat net ien Gemme van Burmania: Histoarjeskildering yn folk sa’n grut frijheidsbesef de Steateseal fan it Provinsjehûs: "Wy Friezen hie as de Friezen. De Friezen knibbelje allinnich foar God". waarden sels folle letter noch priizge troch foarfjochters fan de frijheid, lykas de Frânske revolú- sjonêr Mirabeau en John Adams, de twadde Amerikaanske presidint, en ek troch dichters as Goethe en Heine. 3 It symboal by útstek fan de midsiuske Fryske frijheid is de Opstals- beam by Aurich yn it no Dútske East-Fryslân. Dêr soene yn in skier ferline fertsjintwurdigers fan de Friezen út alle wynstreken mien- skiplike gearkomsten hâlden ha. Yn 1751 ferskynde yn Frjentsjer in dissertaasje wêryn’t it begjin fan de Steaten fan Fryslân socht wurdt yn dy gearkomsten by de Opstalsbeam. Dêr wurdt dus ek wer in ferbining lein mei de tiid fan de Fryske frijheid. It is wol dúdlik dat ek dit in te romantyske foarstelling fan saken is. Sitting fan Steateleden, heechstwierskynlik fan Westergoa, yn de 18de iuw. Oan de wand in ôfbylding fan de Opstalsbeam. De Latynske spreuk is ûntliend oan Vergilius. Gravuere fan R. Keyert, 1751. Line fan Fryske Steaten nei Fryske frijheid Mar hoe binne de Fryske Steaten dan ál ûntstien? Oant foar koart wie dêr noch gjin serieus ûndersyk nei dien. Dêr is no feroaring yn kommen. It ferrassende is dat der dochs echt in line lutsen wurde kin fan de Fryske Steaten nei de Fryske frijheid. Dat makket de oarsprong fan de Steaten fan Fryslân ta wat bysûnders. Yn de oare Nederlânske provinsjes hat de gong fan saken nammentlik hiel oars west. 4 Skiednis fan de Steaten algemien Yn de midsiuwen hiene hast alle Nederlânske gewesten in lânshear. Dat wie in soarte fan lytse monarch, dy’t ferskillende titels drage koe: hertoch (Brabân, Limburch, Gelderlân), greve (Hollân + Seelân) of sels biskop (Utrecht + Oerisel + Drinte). Dit wie allinnich nét it gefal yn Fryslân (en ek net yn de Grinzer Ommelannen, mar dat is oarspronklik ek in Frysk gebiet). De lânshearen ha in krúsjale rol spile by it ûntstean fan de Steaten. Elke lânshear socht nammentlik nei wegen om mear ynkomsten út belestingen binnen te heljen. Mar se koene net samar nije belestingen ynfiere. Dêrom rôpen se fertsjintwurdi- gers op fan de ekonomysk sterke stannen (adel, geastlikheid en stêden) om har tastimming te freegjen foar de yntroduksje fan nije belestingen. Dêrfandinne ek it wurd ‘Steaten’, want dat betsjut gewoan stannen. Dat der in gearhing is tusken belestingbeteljen en folksfertsjintwurdiging wurdt moai ta útdrukking brocht yn de Ingelske slogan: no taxation without representation. De fertsjintwurdigers fan de stannen stimden fansels net samar yn mei nije belestingen, mar fregen dêr tsjinprestaasjes foar. Sa kaam it ta in proses fan ûnderhanneljen tusken lânshear en stannen. It giet dus om in yn wêzen dualistysk stelsel: de stannen tsjinoer de lânshear. Dêrby wie de lânshear de sterk- ste partij. Sa mochten de stannen net op eigen manneboet gearkomme. Se koene allinnich gearroppen wurde troch de lânshear of dy syn fertsjintwurdiger, de steedhâlder. Foarsitter fan de Steatesitting wie ek de steedhâlder. Yn de Tachtichjierrige Oarloch (1568-1648) ûntstie in hiel nije sitewaasje. De Steaten makken har doe los fan it gesach fan har mienskiplike lânshear, kening Filips II fan Spanje. Sa begûnen se op eigen manneboet – dus bûten de lânshear om – gearkom- sten te hâlden. Soks waard in frije Steategearkomste neamd. 5 De alderearste wie yn Hollân, yn 1572. Yn Fryslân wie it yn 1580 ek sa fier. Nei in skoftsje giene de Steaten noch folle fierder: se namen doe sels de komplete soevereiniteit fan de lânshear oer. Sa ûntstie de Republiek der Verenigde Nederlanden en sa is it bleaun oan 1795 ta: de Steaten yn de ferskillende provinsjes oe- fenen de soevereiniteit út, wylst se besluten oer oarlochsfiering en bûtelânske polityk mienskiplik namen yn de Steaten-Generaal, de Algemiene Steaten, yn Den Haach. Lânsgemeenten wiene lytse republykjes As der yn Fryslân gjin lânshearen wiene, hoe kinne hjirre dan Steaten ûntstien wêze? Dêr wie dochs in lânshear foar nedich? Krekt dêrom is lang tocht dat de Fryske Steaten pas nei 1498 ynsteld wêze moasten, om’t der doe ek yn Fryslân lang om let in lânshear oan it bewâld kaam: hertoch Albrecht fan Saksen. Mar it is no wol dúdlik dat it dochs oars gien is. Doe’t Albrecht de macht yn Fryslân yn hannen krige, bestiene hjir nammentlik al Steaten. Allinnich hieten se doe noch net sa. Yn midsieusk Fryslân wie der net allinnich gjin lânshear, mar hjir bestie ek gjin feodale adel. Der wiene wol famyljes dy’t wy aadlik neame kinne, mar der miste in skerp ûnderskie tusken dy aadliken en de toplaach fan de boeren. In dúdlike adelstân wie der yn Fryslân dus net. Fansels wiene der wol geastliken en der hiene har ek al stêden foarme. As der yn Fryslân gjin lânshear wie, bestie hjirre dan net in gesachs- fakuüm? Dit wie dochs de tiid fan de Skieringers en de Fetkeapers, dy’t inoar de kop ynsloegen? Dat is wol sa, mar likegoed bestie der in foarm fan gesach, al wie dat net sterk. Yn Fryslân funksjonear- ren yn dizze perioade nammentlik ‘lânsgemeenten’, dy’t in beheind tal bestjoerlike taken útoefenen. Lânsgemeente is in minder bekend, mar foar de Fryske skiednis uterst belangryk begryp. Fan âlds wiene 6 der yn Fryslân twa grutte lânsgemeenten, mei ek no noch bekende nammen: Eastergoa en Westergoa. Letter kaam dêr in treddenien by: Sânwâlden. Dêrom hinne sweefden noch wat lytsere, dêrby ek Stellingwerf. Fryslân wie dus gjin ienheid, net ien lânsgemeente. Eastergoa en Westergoa wiene opdield yn ‘dielen’, de foarrinners fan de lettere Fryske plattelânsgemeenten. Dêr besteane op dit stuit (2016) noch in pear fan mei de oarspronklike namme: Ljouwerteradiel, Menameradiel, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Ferwerderadiel. De yndieling fan Fryslân om 1450 hinne. Wat moatte wy ús by in lânsgemeente foarstelle? Dêr kin de folg- jende definysje fan jûn wurde: in lânsgemeente is de totaliteit fan de erflike grûnbesitters yn in lân. By dy erflike grûnbesitters giet it sawol om aadliken as om boeren. Grûnbesit, sa kin fêststeld wurde, wie yn in gebiet sûnder lânshear en sûnder feodale adel it kritearium by útstek foar meisizzenskip yn bestjoerssaken. 7 Wy soene dy lânsgemeenten ek republykjes fan erflike grûnbesit- ters neame kinne. De namme boererepublykjes, dy’t ek wol ris brûkt wurdt, is net goed, want dy jout de suggestje dat der yn Fryslân hie- lendal gjin aadliken wiene. Mienskiplik fergaderje ûnder de frije himel In pear kear yn it jier wie der in gearkomste fan de lânsgemeente, dat wol sizze fan yn prinsipe alle erflike grûnbesitters fan in lân. En dy mochten ek allegearre in stim útbringe. Dat moat fansels in massaal barren west ha, ek al sille se beslist net allegearre opkommen wêze. Likegoed wie dit wól de heechste ynstânsje fan it lân. Hjirre moasten besluten nommen wurde oer politike en oare saken dy’t oan ‘e oarder wiene. In bysûnderheid fan dy gearkomsten is dat se hâlden waarden ûnder de bleate himel. Yn it gefal fan Westergoa wie dat yn Hartwert, yn it gefal fan Eastergoa yn Barrahûs ûnder Wurdum. Fan Sânwâlden moat it gearkomsteplak nei alle gedachten socht wurde yn de omkri- ten fan Skarsterbrêge. Sûnt likernôch 1350 hâlden de lânsgemeenten fan Eastergoa en Westergoa geregeld ek mienskiplike gearkomsten. Switserske kantons fergaderje noch hieltyd yn de iepen loft Wy kinne ús fergaderingen yn de iepen loft fan tûzenen minsken no fansels hast net mear foarstelle. Dochs is der in plak yn Europa dêr’t it no noch altiten sa om en ta giet. Dat is net yn in wat efter- bleaun lân, mar krekt yn ien fan de meast ûntwikkele: Switserlân. Yn it kanton Glarus en it ‘Halbkanton’ Appenzell Innerrhoden bestiet it noch: in gearkomste fan alle kies- en stimberjochtige boargers ûnder de frije himel. En dy gearkomste wurdt Lands- gemeinde neamd! Dêr is trouwens, oars as earder yn Eastergoa 8 en Westergoa, wól in parlemint dat de saken taret: de Landrat. En der is ek in soarte kolleezje fan deputearren, dat de beslu- ten útfiert: de Regierungsrat. Mar de besluten moatte dêr noch altiten bekrêftige wurde troch de Landsgemeinde. ‘Die Landsgemeinde’. Fresko fan Albert Welti yn it Bundeshaus yn Bern, 1914. Haadlingen en alve stêden De gearkomsten fan de lânsgemeenten sille wol net altiten like glêd ferrûn wêze. Net allinnich de massaliteit wie in probleem. Yn de fjirtjinde en fyftjinde ieuw wiene de haadlingen (Nederlânsk: hoofde- lingen) de machtichste lju yn Fryslân. Dat wiene leden fan aad- like famyljes en miskien ek wol fan de toplaach fan boerefamyljes dy’t ryk genôch wiene om der in soarte fan priveemilysje op nei te hâlden. Mei dêrtroch koene se de sizzenskip oer soms hiele doarpen oan har lûke. Al hoe machtich ek, dochs hie in haadling, lykas elke oare erflike grûnbesitter, yn de gearkomste fan de lânsgemeente mar ien stim.