<Z/Só\WG&K Jtéfcroékj€
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
<Z/Só\WG&K JtéfcROéKJ€ 642 ûnder redaksje fan Y. Brouwers, J.A. Kuperus, R. van der Ley, D.J. van der Meer en T.G. Nijboer yllustrator en heraldysk meiwurker: P. Bultsma De ôfdieling fan de FRYSKE RIE FOAR HERALDYK stiet op harsels en fait buten ferantwurdlikens fan de redaksje { -3y •7'«<* sl<äS. Vr Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy Ljouwert, 1985 © Fryske Akademy - Ljouwert/Leeuwarden CIP-GEGEVENS KONINKLIJKE BIBLIOTHEEK, DEN HAAG Genealogysk Genealogyskjierboekje/ûnder redaksjefan Y. Brouwers, J.A. Kuperus... (etal.); yllustra- tor en heraldysk meiwurker P. Bultsma. - Ljouwert (Leeuwarden): Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. - 111. - (Fryske Akademy; nr. 642) ISBN 90-6171-642-X SISO 902.5 UDC 929.5(492.71) Trefw.: genealogie; Friesland. Printe by Offsetprinterij „Fedde Dykstra B.V.", Ljouwert Fan dit boek mei neatfermannichfâldige en/of iepenbier makke wurde troch printsjen, foto- kopiearjen, it meitsjen fan mikrofilm of op hokker oare wize dan ek, sûnder dat de útjouwer yn 't foar syn tastimming jûn hat. > ^ J"7<#9 GENEALOGYSK WURKFERBAIM FAN DE FRYSKE AKADEMY FERSLACH OER IT JIER 1983/1984 Op 27 augustus 1983 begûnen wy dit jier mei ús jierliks útstapke nei de tsjerken fan Bears, Weidum en Hilaard. Ek waard de Uniastins-poarte yn Bears besocht en yn Weidum krigen wy fan boargemaster Van Haersma Buma fan Snits in rûnlieding oer it Buma-tsjerkhôf, Op 17 septimber 1983 waard de earste ledegearkomste halden en dêr wiene 51 leden oan- wêzich. C. Bouma en D.J. van der Meer hawwe doe koarte ynliedings halden. Bouma oer wat er sa yn 'e rin fan de jierren sammele en útsocht hie, Van der Meer oer de Skierstins fan Feanwâlden. Op 5 novimber 1983 waard in heraldyske middei en fragemiddei halden. Ek dy kears kamen 51 leden. Wy wienen fan betinken dat de Heraldyske rie ek wolris wat hearre litte mocht op ús gearkomsten en dat is dan ek bard. Dêrnei waarden noch 29 f ragen behannele, foar de léste kear troch A. de Vries; hy woe der graach fan of. It bestjoer hat foar in opfolger soar- ge, sa't fierderop yn dit ferslach stiet. En doe waard, op 10 desimber 1983, foar it earst yn Noard-Nederlân in Genealogyske Dei organisearre. Wy woenen dat net allinnich dwaan en dêrom barde de organisaasje yn 'e mande mei de N.G.V. (Nederlandse Genealogische Vereniging) - ôfdieling Fryslân, Freone- rûnte en it Ryksargyf dat sa freonlik wie om syn ûndersealen ta dat doel foar ús frij te jaan. De dei is sa'n grut sukses wurden (hûnderten minsken hawwe der west) dat wy fan doel binne om alteast ien kear yn 'e twa jier soks te organisearjen. Der siet in protte wurk yn; par- seberjochten waarden nei it Frysk Deiblêd, de Ljouwerter Krante en Radio Fryslân stjoerd. De skriuwer waard útnoege om op 8 desimber 1983 eat oer it doel fan sa'n dei te fertellen foar Radio Fryslân. Yn 't koart kinne wy sizze dat it in soarte fan genealogyske merk west hat. Op 21 jannewaris 1984 hawwe de hearen J.C. Kutsch Lojenga en W. Bouma koarte ynlie dings halden, resp. oer swingende kertieren út de 16de ieu yn Frjentsjer en oer 19de-ieuske kertieren út deselde omkriten. Der wienen 56 leden oanwêzich. Op 3 maart 1984 waard in fragemiddei halden; 28 leden hawwe doe fragen steld. Mar it tal fragen wie folie heger, ge middeld sa'n trije it lid. Op dizze middei kamen 72 leden. Omdat de âld-skriuwer ophâlden wie om de fragerubryk te fersoargjen waard nei in opfolger socht. Dy fûnen wy yn mefr. R. Poelstra-Faber fan Kimswert, sy koe dus daliks oan it wurk. Dyselde middei stie in bestjoers-útwreiding op de wurklist. De skriuwer is in drok beset man en dêrom woe hy wol wat mear delegearje. De folgjende oplossing waard fûn: de fragerubryk wurdt no troch mefr. Poelstra fersoarge en de fierdere korrespondinsje giet nei de ponghâlder, Van der Ley. It bestjoer bestiet no út: Van der Meer, foarsitter; Bekkema, skriuwer, algemiene sa- ken; Van der Ley, ponghâlder en korrespondint; Brouwers, notulist; mefr. Poelstra-Faber, fragerubryk, en Kuperus, bestjoerslid. Op de léste gearkomste, op 14 april 1984, kaam it Genealogysk Jierboekje 1983 út. Der wie nen wer in tal moaie bydragen gearstald. Haadredakteur P. Nieuwland hâldt mei dit wurk op, Brouwers wurdt syn opfolger en Van der Ley kaam as nij lid yn 'e redaksje. Leafst 83 le den hawwe dizze gearkomste besocht. Dit jier waard ek wer grêfstienne-ûndersyk dien en wol yn de tsjerken fan De Lemmer en Wurdum. Yn lêstneamde tsjerke waarden ek keunst-histoaryske sarken fûn fan de sarkhou- wers Benedictus Gerbrandtsz en Vincent Lucasz. Twa sarken binne tidens de restauraasje 3 ferlern gien, werûnder de allerâldste stien út 1487. De hear Peter Karstkarel hat Van der Meer holpen mei it beskriuwen fan dy niisneamde sarken. Hjirby wolle wy him hertlik tank- sizze föar syn meiwurking. Ek binne wy tank ferskuldige oan de hear Jelle de Jong fan De Lemmer, opsichter dêr en teffens lid fan ús wurkferbân. Yn it lést fan it seizoen kamen defolgjende boekjes noch út: De neilittenskip fan R.S. Roor- da en Ferbân yn ús wurk, diel V. It wurkferbân groeide dit jier ek, leafst 450 leden telt it no, en it is dêrmei fierwei it grutste wurkferbân fan de Fryske Akademy. It bestjoer kaam regelmjittich byinoar om de saken sa goed mooglik te regeljen. KI.J. Bekkema 4 IT PIER EN SIPCKE HOYTES-FOLK fan Aucke, Douwe, Hein en Ype Parentee/ fan in boerefamylje fan de Greidhoeke Op side 34 fan it Jierboekje 1977 stiet, dat oer de Domna's-in apart artikel yn tarieding is. As in ko yn tarieden stiet, dan kin mei gauwens de frucht ferwachte wurde. Mar mei „in ockse fan Dronryp" sit soks fansels wol wat oars. Dan keallet it swier, en moat der oan lutsen wurde, en faken binne der mear manlju nedich. No, dy mear manlju wiene der, in âldere feedriuwer mei in pear biisfeìnten. Sa leit dan no it keal foar jimme, is net yn de groppe belâne en net nei de rûchskerne ôffierd. Stam heit: Pyr Ydtsma Yn de neilittenskip fan Hoyte Sipckes (221) fan 15651 is û.o. sprake fan „brieven beroeren de Pyr Ydtsma". Dizze Pyr Ydtsma sil faaks deselde wêze as Peder Ydzama, dy't op 18 au gustus 1450 as meirjochter fan Hinnaarderadiel syn segel hechte oan in keapbrief, lykas de grytman Jarich Eposoen te Wommels en de oare meirjochter Jelle Koyfen. Wy nimme oan dat Pyr Ydtsma de heit is fan Syurdt Pierssoan, mei wa't wy aanst it parenteel úteinsette. In dochter fan Pyr kin wêze: Tjets Piersdr Hja wurdt net neamd yn it Register van den Aanbreng fan 1511. Hja sil dan al wol ferstoarn wêze. Wol wurdt by Itens 1426 - it Hoytehûs - beskreaun dat Broer Tapper en Reyn Tim- merman's bern elk trije gûne krije. Dit meie deselde rinten wêze, dy't fierderop neamd wur de. Broer Tapper en Rein Timmerman wennen te Snits . Yn 1536 is sprake fan har neilittenskip. Jacob Douwes te Penjum foar Katrijn, syn húsfrou, en foar Hyl(li)ck, har suster, stiet as easker foar Sipcke Hoytes (22) oer, „sampt alle ande ren". Hy easket in 10 pûnsmiet lân yn Hoytehuysteraguedt op, dat de beide froulju oanur- ven is fan Tyets Piersdr, harren mem. Hy wol ek wol yn pleats fan dat lân in rinte fan twa kear 3 gûne ha. Sipcke Hoytes moat it mar witte. Yn itselde jier5 binne partijen der wer, mar no wurdt ek Tyerck Feijes, de man fan Hylck, neamd. Efkes letter6 wurde hja wer neamd, mar no is it Tyerck Schroor yn stee fan Tyerck Feijes. Yn 1534 7 wie ek sprake fan rjochten fan Tyerck Feijesn en Hylck yn Hoytehuystera- goed, wêrby't Sipcke Hoytesn protestearret. Yn 15388 is sprake fan Tyerck Schroer te Ljouwert út namme fan Hylck syn wiif en Jacob Douwes te Penjum, no widner fan Katrijn, dy't in rinte fan 3 gûne út Hoytehuysterasate te Itens, dêr't Sipcke Hoytes op wennet, oan dizze ferkeapje. Fan Tjerk Feijes en Hylck is fierders bekend, dat hja yn 1540/1 9 in hûs op 'e Nijstêd te Ljouwert kochten. Oft hja de âlden wiene fan Feije Tyercx, troud mei Lysbeth Jansdr, neamd te Ljouwert yn 15511B, is net bekend. Op 10 febrewaris 1546 wol Sipcke Hoytes te Itens 3 pûnsmiet lân yn Hoytehuysteraguedt te Itens keapje fan Jacob Douwes te Penjum en Tyerck Schroer te Ljouwert út namme fan Hylck, syn frou. Tjaert Hanckes (31) „verspiert". Wy geane no fierder mei: Syurdt Pierssoan Hy isyn 1511 eignerfan it grutste part fan Eninga te Easterein (Hinn.)12en fan it Hoytehûs te Itens . Hy sil om 1465 hinne boaske wêze, mar mei wa is net bekend. As syn erfgenam- 5 ten „opponeren" yn 152914 Tiaert Hanckes, wenjende te Easterein op „Eemge Huys" en Sipcke Hoeyttesoen, wenjend te Itens, tsjin de oanbring fan Sierck Doenye fan it rjocht op swannejacht. As bern binne ús bekend: Douwe Syurdts (1); Hoyte Syurdts (2); Teth (Syurdtsdr) Doeckewiddo (3) en (wierskynlik) N. Syurdts (4). TREDDE GENERAASJE 1 Douwe Syurdts Yn 1511 wie er pastoar te Bears. Wy fine him dan yn it Register van den Aanbreng. Ut in pleats dêr (2118), grut 60 pûnsmiet, bart hy 17 floreen, wylst 13 floreen binne foar Ansck Vnya (dat is Ansck Tiercksdr Juwinga van Walta, widdo fan Aucke Keympers Unia). Dy pleats is saté Oldehuys (letter nr. 8 op de stim- en floreenkohieren), dy't leit tusken it tsjerkhôf fan Bears en de Jorwerter feart15. Hierder fan de pleats wie Peer Hoyties, yn wa't wy de omkesizzer (21) sjen wolle.