PDF Van Tekst
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
Lyts hânboek fan de Fryske literatuer Klaes Dykstra & Bouke Oldenhof bron Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer. Afûk, Leeuwarden 1997 (tweede, verbeterde en aangevulde druk) Zie voor verantwoording: http://www.dbnl.org/tekst/dyks005lyts01_01/colofon.php © 2010 dbnl / Bouke Oldenhof & erven Klaes Dykstra i.s.m. 5 Wurd foarôf Yn 1957 ferskynde de twadde, útwreide printinge fan Jan Tjittes Piebenga syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse, in útjefte dêr't hy doedestiids mei rjocht en reden de Wassenberghmedalje foar takend krigen hat. It boek wie mei oerjefte en meinimmend skreaun, joech de bliken fan in ferbjusterjende belêzenheid en mocht yn it doalhôf fan 'e Fryske skriften sa de betroubere paadwizer hjitte dêr't lange tiden sa'n djip ferlet fan west hie. Beswieren waarden lykwols ek daliks oanfierd. Guon mienden, it boek soe folle mear de literêre ‘bodders’ beljochtsje as har wurk. Oaren wiisden derop, dat dizze skiednis by 't útkommen eins fuort al ferâldere wie, om't de jongste literatuer der net in earlik en folweardich plak yn taskikt krigen hie. Wer oaren koene oantsjutte, dat it wurk op 't stik fan 'e feiten ek wolris net hielendal lyk rûn, of dat de yndieling hjir en dêr wol oars en better kind hie. Underwilens soe him yn Fryslân nei de oarloch in literêr stoarmeftige fearnsieu trochsette, jierren dêr't navenant op syn minst likefolle yn feroarje soe as oars suver yn ieuwen: Fryslân, altiten wend oan in betreklike lijte, soe - wat skruten earst noch - yn 'e sigen fan wrâldomfiemjende streamingen komme te stean. No't Jan Piebenga syn Koarte Skiednis - troch dizze yngripende ûntjouwingen dochs al hieltyd slimmer en rêder ferâlderjend - sûnt lange tiden net mear te besetten is, moast dêr op de iene of oare wize yn foarsjoen wurde, moast der in nij oersjoch komme, waard ornearre, dat, leafst yn beheinder bestek, likegoed oant de dei fan hjoed ta folslein wêze moast. It resultaat, dat de lêzer hjirby sadwaande ûnder eagen krijt, hat mei de Koarte Skiednis mien, dat it benammen foar gebrûk yn skoalle en hûs bedoeld is. Fierders soe it it bêste wêze om alhiel gjin ferbân te sykjen, al sil it de ‘fynpriuwers’ net ûntkomme, dat wat hjir bean wurdt sûnder dy ‘Skiednis’ op plakken oars west hawwe soe. Like tankber koe altemets ek teseil gien wurde op lettere stúdzjes en besprekken. It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum komt lykwols, wat it yllustrative part oangiet, in besûnder wurd fan tank ta. It mei wier wêze, dat yn Fryslân noch nea sa folle Frysk skreaun is, oer dat skreaune wurdt ek hieltyd mear skreaun, yngeander en folwoeksener as west hat: de Fryske literatuer is sa te sjen hurd op wei om (op syn Frysk) literatuer te wurden. Dizze ‘gearfetting’ hopet dêr in byld fan te jaan. Drachten, 1976 Klaes Dykstra Klaes Dykstra & Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer 6 By de twadde printinge De earste printinge rekke útferkocht. Nei 17 jier wie in ûnferoare werprintinge net ferantwurde. It die bliken dat it net helber wie de besteande teksten oan te foljen. Dêrfandinne dat foar de foarm fan in ‘taheakke’, in tafoege haadstik, keazen is. Yn de âlde tekst waarden de flaters ferbettere en binne fierder noch lytse oanfollingen fan feitlike aard oanbrocht. It wurk dat ferskynd is tusken 1977, it jier fan it sluten fan Dykstra syn kopij, en 1994 is behannele yn de taheakke. Ferdwûn út de tekst fan de earste printinge fan de haadtekst binne de foarriedige oantsjuttingen fan it wurk fan Hylkje Goïnga, Pier Boorsma, Joop Boomsma, Bartle Laverman, Piter Boersma, Jaep de Jong en Tsjêbbe Hettinga. Skriuwers dy't sawol foar as nei 1977 in wichtige produksje hân hawwe, wurde sawol yn de haadtekst as yn de taheakke behannele. Fierder moat neamd wurde dat de list mei literatuer ta fierdere stúdzje no in wiidweidich oersjoch omfiemet. Wy hoopje dat dit wurk bydrage mei oan de belangstelling foar en it begryp en it geniet fan de besprutsen wurken. maart 1996 De Bontebok, Klaes Dykstra Rolbrêge, Bouke Oldenhof Neiskrift Op 4 maart 1997 is Klaes Dykstra ferstoarn. It muoit de redaksje tige dat er it ferskinen fan it nije lyts hânboek net meimeitsje kinnen hat. De redaksje Klaes Dykstra & Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer 7 1. Ynlieding 1.1 Elk folk hat syn keunstners, syn minsken dy't op grûn fan besûndere oanlis en jeften wat dwaan kinne of meitsje, dat oaren har samar net neidogge. It binne de persoanen dy't, bejeftige mei seldsume talinten, út 'e oandrang fan har emoasjes of gedachten wei, wat ‘byldzje’ kinne. It soarte ‘ferbylding’ hinget dêrby ôf fan it materiaal dat brûkt wurdt. Dêrop werom te bringen is dan ek it ûnderskie tusken dûns en muzyk, tusken pottebakken en foardragen, tusken einprodukten as letterlapen en literatuer. Fan gefal ta gefal is it brûkte materiaal oarsoartich. Binne it by de muzyk bygelyks de klanken, by de literatuer binne it de wurden, dêr't mei wurke wurde moat. 1.2 De oarsprong fan it wurd, fan taal, is like dizich as de einichste boarne fan it libben. Mear prakkesearjenderwize as wittenskiplik redenearjend soe men jin it oanbegjin fan alle wurd foarstelle kinne as in antwurd, it antwurd dat de ûntfanklike oerminske op in stuit jaan soe oan it ding dat him ynienen boeide, him ynienen wat ‘sei’, him ‘oanspriek’. In soarte fan skreau soe dat antwurd west hawwe kinne. En doe't ienkear dyselde gjalp de oantsjuttende namme fan it ding wurden wie, soe dêr as ferrassende ûntdekking oan fêstsitte, dat net allinne it ding by him de namme oprôp, mar dat yn tsjinstelde rjochting de namme him ek in foarstelling fan it ding joech. Dat like suver wol tsjoenen. It wurd hie dus in magyske krêft: it wurd hie it ding yn 'e macht, koe it ding nei beleaven oproppe. Op 'en doer soe út mannichten losse wurden (allegear oermasteringen fan dingen) de taal ûntstean, dy't it mooglik meitsje soe om op in distânsje ek oer de dingen te praten. De wurden rôpen bylden fan de dingen as herkenningen op. In stapke fierder koene wurden de dingen ek ferfange. Dat wie wol sa maklik. Sa ûntstie neist de echte werklikheid in werklikheid fan herkenningen, neist de konkrete in abstrakte. En dy abstrakte wrâld hie de minske altiten en rûnom by him, koed er ynrjochtsje sa't er woe, om't er him foarstelle koe wat er woe. De wiere werklikheid koed er deryn iepenbierje, mar der likegoed yn ferdiizje of feroarje. Hy koe fertelle wat bard wie, mar likegoed wat nei syn eigen gedachten barre kind hie of barre kinne soe. Dêr lei de oarsprong fan de mûnlinge fertelkeunst, it foarstadium fan literatuer. 1.3 Literatuer (it leit ek al yn it wurd besletten) koe earst fan praat wurde, nei't útfûn wie dat taal yn tekens (letters) werjûn en fêstlein wurde koe. Neist it harkjen nei it mûnlinge soe sadwaande as twadde byldopropper it lêzen fan it skriftlike komme te stean. It opkommen fan it lêste soe net fuort it ferdwinen fan it âldste betsjutte. De stap fan it iene nei it oare soe yn rûge halen sawat oerienkomme mei de oergong dy't it minskdom troch de tiden meimeitsje soe fan in primityf mienskipslibben nei in mear beslipe persoanlik bestean. Klaes Dykstra & Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer De mûnlinge utering hie út soarte as eigenskip dat hja nammeleas wie en in meast algemiene, ûnpersoanlike ynslach hie. Nije dingen waarden der suver net oan tafoege: der wie gjin romte foar oarspronklikens, likemin as foar in útsprutsen moraal. Wat har fersprieding oangie wie hja oan swetten bûn. Sa libbe hja yn 'e foarm fan in ballade, in mearke, in sêge, in leginde of in ferhaal ûnder de minsken, reizge fan mûle ta mûle, fan generaasje nei generaasje, en Klaes Dykstra & Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer 8 feralgemiene hieltyd mear, skjirre hieltyd glêder. Oanpasber en beweechlik fan wêzen like hja altyd-feroarjend oan in kollektive smaak te foldwaan. Rjochtoarsom soe it yn de skriftlike utering benammen om in persoanlike en folle fynder hifkjende smaak gean. It ûntstean fan 'e skriuwtechnyk betsjutte mei-ien de opkomst fan it yndividualisme. Beide dingen foelen gear: de iene betsjutte it oare. En dat yndividualisme hold wer in oanwaaksende spesjalisaasje yn, dêr't romte foar oarspronklikens by frij kaam. It yndividu koe rêder tinke as de groep en rekke der stadichoan losser fan. Hy koe ek logysker tinke, wat ynhie dat er wat langer wat mear in kritysk taskôger waard en yn 't ferlingde dêrfan in stapper foar de groep út, in paadwizer, in moander. Hy koe dêrby ek wat letter wat mear fuortbouwe op in tradysje fan skreaune (en nei ferrin fan tiid printe) teksten, dy't mei in wide fersprieding witwêrwei komme koene. Lêzend koed er syn libben ferrykje en wizer wurde. Om't hja allinne de tradysje fan 't ûnthâld hie, wie de mûnlinge utering op 'en doer lang net opwoeksen tsjin it superieure tinken en it skerpe formulearjen fan it skriftlike. Dat lêste wie de grutte fijân en ferdylger fan it âldste, mar soe der likegoed net maklik frij fan reitsje. Ieuwen letter, doe't de tiden der ryp foar wiene, soene noch balladen en mearkes en ferhalen út 'e folksmûle optekene wurde en as printe teksten har fernijde ynfloed wer hawwe kinne. Dat koe barre as in mienskipsfielen de ferbylding fan ûntwikkele, yndividuele minsken ynienen yn 'e besnijing krige. Sokke tiden wie der samar in djip begripen en in wier wurdearjen fan dat ûnpersoanlike. Wy sjogge dat benammen foar en nei de Frânske revolúsje (doe't in fielen fan ‘bruorskip’ yn 'e loft hong) en yn 'e Romantyk (mei syn sin foar it âlde en primitive).