Genealogysk Jierboekje 1989
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
GENEALOGYSK JIERBOEKJE 1989 Nr. 714 ûnder redaksje fan Ype Brouwers, Reid van der Ley, Douwe J. van der Meer, Pieter Nieuwland en Hein Walsweer De ôfdieling fan de FRYSKE RIE FOAR HERALDYK stiet op harsels en fait bûterï ferantwurdlikens fan de redaksje Geneaïogys'K '\?\?urK'TerDan îan de T^rysKe Akademy Ljouwert, 1989 © Fryske Akademy - Ljouwert/Leeuwarden CIP-GEGEVENS KONINKLIJKE BIBLIOTHEEK, DEN HAAG Genealogysk Jierboekje / ûnder redaksje fan Y. Brouwers... [et al.]; yïiustrator en heral- dysk meiwurker: R. Broersma — Ljouwert [Leeuwarden: Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. — Yll. — (Fryske Akademy; nr. 714) Omslagtitel: Genealogysk Jierboekje 1989. ISBN 90-6171-714-0 SISO 902.5 UDC 929.5 (492.71) NUGI 647 Trefw.: genealogie; Friesland. Printe by Grafysk Bedriuw Fedde Dykstra B.V., Ljouwert. Fan dit boek mei neat fermannichfâldige en/of iepenbier makke wurde troch printsjen, fotokopiearjen, it meitsjen fan mikrofilm of op hokker oare wize dan ek, sûnder dat de útjouwer yn 't foar skriftlik tastimming jûn hat. Foarsafier't it meitsjen fan kopyen út dizze útjefte tastien is op grûn fan artikel 16B Auteurswet 1912 j°, it Beslút fan 20 juny 1974, Stbl. 351, lykas wizige by it Beslút fan 23 augustus 1985, Stbl. 471 en artikel 17 Auteurswet 1912, moatte de dêrfoar wetlik ferskuldige fergoedingen foldien wurde oan de Stichting Reprorecht (Postbus 882, 1180 AW Amstelveen). Foar it oernimmen fan part(en) út dizze útjefte yn blomlêzingen, readers en oare kompi- laasjewurken (artikel 16 Auteurswet 1912) moat kontakt opnommen wurde mei de út- jouwer. GENEALOGYSK WURKFERBAN FAN DE FRYSKE AKADEMY FERSLACH OER IT JIER 1988/1989 Gearkomsten Ek yn dit seizoen waarden troch it Genealogysk Wurkferbân sân lede-gearkomsten be- lein. (Tusken heakjes wurdt hjirnei it tal besikers fan de gearkomsten jûn), It bestjoer kaam wer geregeld byelkoar om alles sa goed mooglik ta te rieden. Us jierlikse reiske gie ditkear op sneon 27 augustus 1988 nei de tsjerke fan Kollum en nei de úthôf fan it Fries Museum yn Feankleaster, Fogelsangh-state (45). De tsjerke fan Kollum moat om 1100 hinne al boud wêze, as wy sjogge nei de ûnderein fan de toer, dy't fan dowestien makke is. De tsjerke sels is fan bakstien. In tal jierren lyn is in tige nijsgjirrich boekje oer dy Sint Maarten-tsjerke skreaun; foar de belangstellenden wolle wy dêr graach nei ferwize. Foardat it slot Fogelsangh-state boud waard yn de 17de ieu, stie op dat plak eartiids in frouwekleaster 'De Olijf berg'. Letter is it lân troch de famylje Doma opkocht en waard dêr in slot op boud. Sûnt 1963 is it in úthôf fan it Fries Museum wurden. Der binne û.o. skiiderijen en meubels te besjen. Tige moai om dêr ris hinne te gean; besikers kinne ek in kuier troch de bosk meitsje. Us earste gearkomste, op 17 septimber 1988 (37), waard troch drs. W. de Blécourt fer- soarge; hy hâlde in lezing oer: 'Toverij en families'. Al earder wie dêr troch him oer skreaun yn It Beaken XLIX (1987), nr. 2, (side 105-120). Op sneon 22 oktober 1988 (44) hawwe wy ús earste fragemiddei halden. Der waarden 22 fragen steld, dy't foar it grutste part beändere wurde koene, sadat wol bliken docht dat wy dêr goed oan dogge en boppedat fersterket it de lede-bân. Hja witte dan, mei hokker famyljes oare leden dwaande binne. Fanwege it 50-jierrich bestean fan de Fryske Akademy waard op 29 oktober 1988 in iepen dei halden. It bestjoer fan it wurkferbân hat dêr syn meiwurking oan jûn en wat genealogysk materiaal sjen litten. Op 19 novimber 1988 (73) kaam it Genealogysk Jierboekje út. It boekje befettet û.o. wer kertiersteaten en in genealogy. Op 7 jannewaris 1989 (71) hat ús foarsitter, DJ. van der Meer, in lezing halden oer: 'Hoe kin men mei de Kadastrale en de Prekadastrale Atlas fan Fryslân de genealogyske en de nammekundige kennis (wichtich) fergrutsje?' Sneon 18 febrewaris 1989 (56) wie ús twadde fragemiddei; der waarden 29 fragen steld. In moanne letter, op 18 maart 1989 (79) hiene wy ús mienskiplike middei mei de N.G.V.-ôfd. Fryslân. Ditkear wiene wy de organisatoaren en hja wiene te gast op it Cou- lonhûs. Omdat it yn 1989 al wer 200 jier lyn wie, dat de Frânske revolúsje útbriek, wie dy middei dêroan wijd. Dy revolúsje hat hiel wat gefolgen hân foar it 18de-ieuske Euro- pa. Der binne trije lezingen halden oer dat ûnderwerp. Earst kaam P. Nieuwland oan 't wurd oer: 'De Frânske revolúsje en syn gefolgen foar benammen Fryslân'. Dêrnei hâl- de mefr. R. Poelstra-Faber in ynlieding oer: 'Hoe het patriottenvaandel van Arum be- waard bleef' en ta beslút hat R. van der Ley in lezing halden oer: 'De leden fan de Munisipaal Rieden fan Achtkarspelen, genealogysk besjoen.' Ta beslút fan it seizoen 1988/1989 binne op sneon 22 april 1989 (54) noch in tal koarte ynliedings fersoarge troch guon fan ús eigen leden. K. Terpstra hat oan 't wurd west oer de 'Genealogyske oantekenings fan Doederus de Vries, boargemaster fan Dok- kum', A. de Vries oer: 'Wrakselje mei Grutte Pier' en C. Bouma oer: 'De Doopsgesinde famylje De Groot út Holwert'. Nei ôfrin fan dy lezingen wie der noch in koarte frage- gearkomste mei 12 fragen. Sa waard it (al wer) drokke seizoen 1988/1989 besletten. It Lycklama-projekt De koffer fan de famylje Elzinga, mei de oantekenings oer de famylje Lycklama à Nije- holt hat op it langelêst in plak fûn by de hear J.A. Paasman, Lepelaar 20, 8251 MT te Dronten, Grêfstienne-ûndersyk Yn de ôfrûne perioade waard it wurkferbân behelle by de restauraasje fan de tsjerken fan Friens, lens en Tsjerkwert. Yn Friens kamen 14 stiennen foar 't Ijocht. Dy stiennen en de mânske stiennen, dy't yn 'e koer fan de tsjerke opsteld stiene, krije har plak yn de nije tsjerkeflier. Tagelyk waarden ek de 14 roubuorden, dy't yn de tsjerke hingje, nei it restauraasje- atelier Renaissant te Ljouwert oerbrocht om ris goed neisjoen te wurden. De Fryske Rie foar Heraldyk stiet de restaurateurs by foar de heraldyske swierrichheden, dy't har derby foardogge. Te lens wurdt de toer restaurearre. Omdat dêr ek wat dien wurde moat oan it fûnemint fan it oargel, waarden inkele planken út de houten flier helle. Dat makke it mooglik om fjouwer grêfstiennen (foar in part) ôf te lézen. Dêrûnder wie ek de Renêssânse-sark foar Bocco van Burmania, dy't op it slot Unga te lens wenne hat. Yn 1962 wie de helte fan de stiennen yn de tsjerke fan Tsjerkwert opnommen, om't doe mar de helte fan de tsjerkeflier opbrutsen waard. Yn it ramt fan in gruttere restauraasje waard no de hiele flier der bliuwend útbrutsen. Mei-inoar levere dat ûndersyk sa'n 50 grêfstiennen op. Dêr wiene foar de genealogy wichtige stiennen by fan it slachte Buwalda. De resulta- ten fan it ûndersyk yn Tsjerkwert koene fuort-en-daliks al troch de hear P.N. Noomen brûkt wurde foar syn artikel oer de Buwalda's yn it Genealogysk Jierboekje 1989. Ferskaat Yn 'e hjerst fan 1988 ferskynde it 7de dieltsje fan 'Ferbân yn ús wurk'; it krige as titel: 'Nammen fan Friezen yn argiven om utens' mei. It lede-tal fan it wurkferbân groeide ta 525; dêr binne wy fansels tige wiis mei! Wy wolle eltsenien hertlik tankje foar syn of har bydrage yn dit seizoen. Foaral dyjin- gen, dy't wer ree wiene om ynliedings foar ús te halden. KI. J. Bekkema ABRAHAMU (DE MELVERDA) Bij een kwartierstaatonderzoek door samensteller dezes kwam een afstammingsreeks Abrahami de Melverda te voorschijn met dusdanig interessante aspecten dat tot het samenstellen van een genealogie van deze familie werd overgegaan. De genealogie is onder te verdelen in een Friese stam, met daaruit een Drentse en een Indische tak. Van de Drentse tak, waarvan de leden veelal in de landbouw werkzaam waren, wonen in onze dagen nakomelingen in 's-Gravenhage. Van de 'Indische jon- gens', die het land dienden als bestuursambtenaar in de koloniale periode, wonen af- stammelingen in Amsterdam. Mogelijk stamt de familie oorspronkelijk uit Hongarije. Een opmerkelijk stuk met betrekking tot de geschiedenis van de Abrahamy's is een verklaring van Annius Abrahami de Melverda (nr. Vla), die hij in het jaar 1819 opstelt (zie hierna)1. Een rechtgeaard genealoog zal bij het lezen van een dergelijk geschrift zijn wenkbrau- wen optrekken en het met gepaste achterdocht tegemoettreden. Een aantal vermel- dingen is dan ook pertinent onjuist. Zo was prins Frederik Hendrik van Oranje geen Friese stadhouder, en was hij niet gehuwd met een dochter van een Poolse koning. Of wordt een ander Oosteuropees land bedoeld? Of betreft het wel een stadhouder van Friesland maar is de naam onjuist? Al met al een aardige puzzel. Als we evenwel lezen wat Annius schrijft onder de eerste noot, namelijk dat hij in 1817 te Toboali, een plaats op het zuidelijk deel van het eiland Banka, door zeerovers is be- roofd van o.a. zijn geslachtsregister en andere familiepapieren, dan wordt e.e.a. duide- lijk. Annius heeft de verklaring dus een goed jaar later naar zijn herinnering opgeschreven, en dan maakt men wel eens een vergissing. De data over zijn vader Tjerk en zijn grootvader Annius stemmen vrijwel overeen met de bronnen. Niet juist is weer de opmerking dat hij het enig overgebleven lid van de familie zou zijn, hij wist kennelijk niets van de Drentse tak. Hij telt ook zijn zussen Lolk- jen en Anna niet mee, dit zijn vrouwen en derhalve geen 'stamleden'. De gegevens van de stamvader zoals die zijn vermeld in de navolgende genealogie zijn ontleend aan de verklaring. De veronderstelling dat de Friese stam in Hongaarse grond zou wortelen, wordt inge- geven door het feit dat de naam Abrahamy in dat land voorkomt.