ML<K*V£K Jtérb0£KJ
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
<&ML<K*V£K JtéRB0£KJ€ 577 ûnder redaksje fan A.L. Hempenius, DJ. van der Meer, P. Nieuwland, T.G. Nijboer en D. de Vries, heraldysk meiwurker: J.C. Terluin. Genealogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy Ljouwert, 1979 © Útjefte Fryske Akademy nr. 577 ISBN 90 6171 577 6 Printe by Offsetprinterij „Fedde Dijkstra B.V.", Ljouwert. Fan dit boek mei neat formannichfâldige en/of iepenbier makke wurde troch printsjen, fotokopiearjen, it meitsjen fan mikrofilm of op hokker oare wize dan ek, sûnder dat de útjower yn 't foar syn tastimming jown hat. FRYSKE RIE FOAR HERALDYK JIERFORSLACH 1978/1979 De Rie foar Heraldyk kaem trijeris gear, ntl. op 28 oktober 1978, 24 april en 25 juny 1979. Fan de „Friese Pers", dy't yn oparbeidzjen mei ús in boek oer Fryske heraldyk útjaen woe, hearden wy neat mear en wy lieten it dêr mar by, hwant dit greate projekt seagen wy al hwat tsjinoan. De skriuwer wie bitrutsen by de útstalling „Friesland en de Unie van Utrecht" yn it Ryksargyf to Ljouwert en koe it net litte ek oan de heraldyk omtinken to jaen. Sa wie- ne dêr to sjen in ôfjitsel fan it segel fan it Boun fan Upstalbeam út Parys (1338), in foto fan de flagge fan de „kening fan Fryslân" út it hânskrift fan de 14de ieu to Ma- drid, de segels fan George fan Saksen en Filips II as hearen fan Fryslân (mei it liuwewa- pen der yn forwurke), famyljewapens fan foar- en tsjinstanners fan de Uny, ensfh. Ús lid Terluin iepene op 17 novimber de útstalling „Friese-Vlag-projekt" fan Jan van Tuinen yn it Frysk Museum; ek hâldde de Heraut Frisia in lezing oer „Flaggen yn Frys- lân" en it wurk fan ús Rie foar de Ned. Vereniging voor Vlaggenkunde op har flaggedei to Zutfen (7 april). Ús lid Dull, gemeente-amtner en kroanekenner, joech rie oan gemeentebistjûren yn en bûten Fryslân (Eastdongeradiel, Delfzijl, Den Bosch, Utert e.o.). Hy en de skriuwer joegen oan forieningen en partikulieren ynljochtings oer Fryske wapens, kroanen en flaggen, binammen fan gemeenten. De doarpswapens fan Tytsjerksteradiel waerden jitris bisjoen en dêrnei oan it gemeen- tebistjûr tastjûrd. Hwat de partikuliere heraldyk oangiet wie de Rie bitrutsen by de restauraesje fan it monumint foar D.M. van Burmania yn 'e tsjerke to Ysbrechtum troch E. Algra. Oan forskate persoanen waerden ynljochtings jown oer famyljewapens; wy neame de wapens Banga, Bosma, Holkema, IJsselmuiden, Nauta, Poutsma, Wassenaar, Wiersma en wapens op in bank yn 'e tsjerke to Easternijtsjerk. De niget oan wapenregistraesje nimt ta, lykas bliken docht út de siden 42-51 yn it foa- rige en 44-54 yn dit Jierboekje. Kwartelstrjitte 47, J.Visser, 8916 BM Ljouwert, augustus 1979 skriuwer. GENEALOGYSK WURKFORBAN FAN DE FRYSKE AKADEMY KOART FORSLACH OER IT JIER 1978/1979 Wie it net Wim Kan dy't song fan: „Het was me het jaartje wel!" ? Dat soe ik fan it forroune jier ek sizze wolle. It wie it jier fan it jubileum fan de Fryske Akademy en it jier fan de snie dy't ús yn de ban hie, fan tofolle sprekkers op ien middei en in Jierboekje dat net klear komme woe. Wy bigounen op 12 augustus 1978 mei ús reiske. Nei Minnertsgea, nei Seisbierrum, dêr't ek Liauckama-state omtinken krige, en hast as in kontrast nei Sweins. 16 septimber 1978 seagen en harken wy nei „Hamers yn Fryslân". Yn it ramt fan it ju- bileum wiene wy 26 septimber 1978 to Sint Anne, dêr't in Bilker, de hear Carel D. Bouma, praette oer de famyljes Lochnar en Duhoux de Grancourt. As wy forlet hiene fan propaganda, dan soene mear sokke útflechten gaedlik wêze. Oer Couperus, Cuperus, Kuperus en sokke mear spriek op 2 desimber 1978 ús lid de hear dr. J.A.Kuperus fan Den Haech. Der wiene mear as 25 famyljes fan dy nammen. Op 17 febrewaris 1979 soene wy earst it nije Jierboekje krije. Mar dat slagge net. Doe mar eigen leden oan it wurd, tochten wy. Mar wy hiene bûten de snie rekkene. Spitich dat Radio Fryslân blykber net al to fier rikt, en dat bisikers om utens der yn slaggen nei Ljouwert to kommen om de doar ticht to fînen. Fiif wike letter koe it wol troch- gean en doe wie der safolle stoffe dat ien fan de sprekkers in oare kear oan bar komme moast. Dat soe wêze op 26 maeije, tagelyks mei it útkommen fan it Jierboekje. Mar dat koe op it leste momint net trochgean, hv/ant de sprekker wie útstedich en it boek- je wie net klear. Einliks op 16 juny 1979, hwat let yn de tiid, koe it Jierboekje yn it ljocht jown wurde, mei taljochting fan inkelde meiwurkers. De ynlieding waerd forskoud nei it nije jier. Tusken de bidriuwen troch hawwe wy de wenstige fragemiddeis halden. Grêfstiennen binne opnommen to Sweins, Ysbrechtum en Itens. De skriuwer hat yn sounens en wolwêzen syn pensioen helle en sil him bigjin 1980 to Drachten oan de Nova Cura nei wenjen sette. Hy hopet noch in skoftke syn krêften oan it Wurkforbân forbine to kinnen! Stimlân 18, A. de Vries. 9035 CL Dronrijp, augustus 1979. Foar Luertske ADAMA Goed treddel ieu lyn hiene Dirck Ruierts en Trijntje Mircx in winkeltsje by de Okse- kop to Ljouwert. Foar in pear sturen wie der fan alles en noch hwat to krijen: rys, sjippe en ek wol brandewyn. Moandeitomoarns, 17 oktober 1712, doe't winkelierske Tryn mei „diverse fatsoenlijke Vrouspersonen" it waer en de rêchklachten oan it bipraten wie, kaem in man mei ien earm en in grouwe houn de saek yn, „gaende met veel stoutheijt sitten op het banckien en vorderende een sopie". Ek makke er bikend dat er „sin aen Moije Vrouwen" hie. Spitigernôch hie it froufolk mear forlet fan sjippe as fan in âld-gediende en binnen de koartste kearen stiene man en houn wer bûtendoar. Doe't Dirck en Trijntje weirekken wie it bisit krekt great genôch om de skulden to bi- teljen. Mar hja lieten oars hwat nei: de bern, Rinscke, Catharina, Riemcke en Marcus, neamden harren allegeare „Adema". Hwer oft dy namme weikaem? It argyf fan Ljou- wert woe der net mear oer kwyt en der siet oars net folie op as mar hwat Adema's by- inoar swylje en hoopje dat dêr in gaedlike Ruurd út komme soe. Op it lest koe mei de forkeap fan in heale pleats to Grou (ôfdieling tafallige fynsten) de sibskip fan Dirck syn bern mei oare Adema's oantoand wurde. Mar doe wiene der al safolle Adema's op 'e lappen kommen dat it sûnde west hie it dêr dan mar by to litten. Fan it ien komt it oare en der is op dit stuit in ridlik oersjoch fan de famylje yn de 16de en 17de ieu. As jonge haw ik my der oer fornuvere dat der âldheitkundigen wêze soene dy't oan de hân fan trije bonken en in tosk in hiele dinosaurus yninoar sette koene. Sibbekunde hat dêr ek wolris hwat fan. Nei in algemien oersjoch (fynplakken fan de namme Adema fan foar 1600 en in koarte biskriuwing fan pleatsen fan dy namme) wurdt djipper yngien op de pleats to Skearne- goutum en, yn in genealogy, op de famylje Adama fan Easterein/Boazum. In tankwurd oan Boazum-kundige Breuker en master Van der Meer foar harren by dra- gen èn oan de sneupers en wrotters dy't foar myn tiid paden baend hawwe liket my op syn plak. Ljouwert, simmer 1979. Ype Brouwers. De namme ADAMA sil ôflaet wêze fan de manljusnamme Aede, Ada. Of dizze nam- me ek lykslein wurde mei mei it hebrieuske Adam, eat dêr't Ada Jonghama (Sipma II 360) op oan wol, wol ik ôf wêze. Yn alle gefallen is it hwat oars as Ede. Dan is der noch in namme dy't op Aede weromgiet: AD INGA. Dizze twa foarmen foun ik foar 1550 in kear as tsien oerlevere: - yn 1381 (Sipma IlI 1) segelt Zyart ADAMA mei fyftjin oaren in oerienkomst oer de wetterhúshâlding yn de omkriten fan Easterein, Turns. - yn 1402 (Sipma II 5, 6) wurdt in oerienkomst sluten tusken de gritenijen Bawer- dera- en Hernauwerdadeel en fjouwer slachten yn de kontrei fan Eksmoarre oer in sylroede dêr. Ûnder lêstneamden it slachte ADINGHA(MA) to Longerhou. - Winsemius lit skieringer Wopke ADAMA yn 1422 it „suenbrieff' fan de Fryslannen segelje. Of dizze Wopke hjir thús heart is mar de fraech: Worp van Thabor neamt him Hepke Edama, yn it Charterboek hjit er Hebeka Edama. - yn 1431 (Sipma I 53) is in ruilkeap optekene fan „broder Vlbet fan synte Johannis orda des conventis by Sneke" en „Haya in Hockaerd". Vlbet sil „de rante tho ADA- MA tho Brechtem" barre en Haya krijt „dat goet ende rante tho Mynnyngha tho Folsdghara". - yn 1443 (Chr. Schotanus, de gesch., kerkelijk en wereldlijk van Friesland, brieven ende documenten) wurdt de Rypster tsjerke der fiif pounsmiet Blessumer mieden better fan as HILKA ADINGA op de achtste july fan dat jier weirekket. - yn 1453 (Sipma 1135) is Wyba ADINGE tsjerkfâd to Astereynden; mei de oare fâd- den hat er skeel mei „her Tako" dêr, dy't fan bitinken is dat syn oandiel yn 25 pounsmiet „also graet naet is dat en prester der galike fan libba mey". - yn 1471 (Sipma I 214) forkeapet Tzumma Nanna zen AEDINGA as tsjerkfâd fan Ingelum fjouwer pounsmiet lân oan Arnt van Zwol en Hille. - yn 1499 (Sipma IV 115) segelt Tiepka Dowa zin, mei foar Hoytha Sywrd zin, Epe AEDAMA, Hessel Lolka zin, Briotick Dowa zin, Lolla Otta zin, Rioerd Popka zin en Jan Claes zin in tsjûgenis oer it nearrjocht.