Philologia Frisica
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
PHILOLOGIA FRISICA ANNO 1984 LEZINGEN EN NEIPETEAREN FAN IT TSIENDE FRYSK FOLOLOGEKONGRES OKTOBER 1984 Nr. 661 FRYSKE AKADEMY - LJOUWERT 1986 ERRATT.JM Op i tornslach en op side 1 stlê't . FÇ,tjÖI,.lOGEI\.oNGRES.i d ai; m6~t ·v.irêz/Ef· }"ILQLoGEKONGRES. IT TSIENDE FRYSK FILOLOGEKONGRE ORGANISEARRE TROCH DE FRYSKE AKADEMY OP 17, 18 EN 19 OKTOBER 1984 "FRYSK: JUSTER, HJûED en MûARN" KONGRESFOARSITTER: Prof. Dr. H.D. Meijering KONGRESKOMMISJE: Dr. L.G. Jansma (foarsitter) M. Bosma Drs. Ph.H. Breuker Drs. D. Gorter J. Hoekstra Coulonhûs, Doelestrjitte 8, Ljouwert © Utjefte Fryske Akademy nr. 661 Ut dizze ütjefte mei neat ferrnannichfäldige wurde troch middel fan druk, foto-offset, fotokopy, mikro film of op hokker oare wize dan ek, sûnder dat dêr in skriftlike tastim ming fan de ütjouwer oan foaröf giet. CIP-GEGEVENS KONINKLIJKE BIBLIOTHEEK, DEN HAAG Frysk "Frysk: juster, hjoed en moarn": it tsiende Frysk Filologekongres: organisearre troch de Fryske Akademy op 17, 18 en 19 oktober 1984 / kongresfoarsitter H.D. Meijering; kongreskommisje H.D. Meijering ... [et al.]. - Ljouwert [Leeuwarden]: Fryske Akademy. - (Fryske Akademy; 661) (Philologia Frisica; anno 1984) Met lit. opg. ISBN 90-6171-661-6 SISO fri 830 UDC 803.92 Trefw.: Friese taal. YNHALD side programma ...•••.••.••••...•••••••••...••.•.•.••••••••.••..••..... 7 H.D. MEIJERING, Iepening •••..•.••••.•......•..•...••••••..•..•... 9 K.F. VAN DER VEEN, Yndieling en relative öfstan fan Fryske plattelansdialekten ••..•.•..••......•..•••••..••.•••••.•.... 10 W.J.J. PIJNENBURG, De Nederlandse lexicografie in de post-WNT-periode •.•••.•.••••••...•.••••••.••..••••..••.•.... 61 M. GELLERSTAM, A language bank of modern Swedish .•.••••.•••...... 70 S. DYK, It Midfryske brulloftsfers en de epitalamyske tradysje ... 76 P. VALKEMA BLOUW, Van Friese herkomst: de Chronyc Historie, Noortwitz 1579 •..•.•••.•.••.••....• ~ ••.••..•••••••.••••..•.. 96 F. POSTMA, Friese intellectuelen en patronage in de zestiende eeuw •••••.•.•.••••••••..•••.••.••..•.•••••••...•.• 113 J. HOEKSTRA, Ferlytsing en syn njonkenkategoryen ••••••...•••.•... 131 M. GYSSELING, Substraatinvloed in het Engels, Fries, Nederlands en Nederduits •••.•••.•.•••••••.•••••••.••••••••..••••••••••• 151 H.F. NIELSEN, Old English, Old Frisian and Germanic ••••.••••••... 168 De neipetearen steane 6fprinte fuortdaliks nei de oanbelangjende lêzing. 5 PROGRAMMA FAN IT TSIENDE FRYSK FILOLOGEKONGRES Woansdei 17 oktober 1984. 09.30 Untfangst fan de die1nimmers. yn de sea1 Grutte Wielen, Doelestrjitte 2-4. Kafje 10.00 Iepening troch de foarsitter 10.30 K.F. VAN DER VEEN: Yndieling en relative ofstán fan Fryske plattelansdialekten. 11.20 neipetear en kofje. 12.00 Ofsluting neipetear, nei Sealen Schaaf, Breedstrjitte. 12.30 Untfangst troch gemeentebestjoer mei foaritentsje. 13.00 Kofjemiel yn de eardere Synagoge by Sealen Schaaf. 14.30 W.J.J. PIJNENBURG: De Nederlandse lexicografie in de post-WNT periode. 15.10 Neipetear en thee. 16.00 M. GELLERSTAM: A language bank of modern Swedish. 16.40 Neipetear. 17.00 Sluting earste dei. Tongersdei 18 oktober 1984. HARNS. TREBOL 08.15 Mei de bus nei Harns. 09.15 S. DYK: It Midfryske brulloftsfers en de epitalamyske tradysje. 09.55 Neipetear en kofje. 10.45 P. VALKEMA BLOUW: Van Friese herkomst: de Chronyc Historie, Noortwitz 1579. 11. 25 Neipetear. 13.00 Kofjemiel. 14.00 F. POSTMA: Friese intellectuelen en patronage in de zestiende eeuw. 14.40 Neipetear. 15.30 Untfangst troch gemeentebestjoer yn TREBOL. 16.30 Stêdskuier mei rûnlieding troch VVV. 17.30 Mei de bus nei Ljouwert. 7 Freed 19 oktober 1984. FRJENTSJER. PSYCHIATRYSK SIKEHUS. 08.15 Mei de bus nei Frjentsjer. 09.15 J. HOEKSTRA: Ferlytsing en syn njonkenkategoryen. 09.55 Neipetear en kofje. 10.45 M. GYSSELING: Substraatinvloed in het Engels, Fries, Nederlands en Nederduits. 11. 25 Neipetear. 12.00 Ofsluting fan de moarn. 12.15 Untfangst troch gemeentebestjoer yn MARTENAHUS. 12.45 Kofjemiel yn MARTENAHUS. 13.45 H.F. NIELSEN: Dld English and Germanic. 14.25 Neipetear. 15.00 Sluting fan it kongres. 15.30 Mei de bus nei Ljouwert. 16.00 Oankomst yn Ljouwert. 8 Prof. Dr. H.D. Meijering (Bloemendaal) IEPENING Achte oanwêzigen, Hjoed begjint it tsiende Frysk Filologekongres: it plakkerke op de kongresmap makket dat al dûdl Lk , Dat betsjut net allinne tsien kon gressen, mar ek de wjerslach fan mear as tritich jier frisistyk. Win liken is dêr de hiele perioade fan groei, foar de Akademy en foar de hiele frisistyk, mei markearre. Yn nj oggen dielen Philologia Frisica en yn ien kongresprogramma fine wy in katalogus fan ynteressegebieten en ûnderwerpen fan Fryske s tûdzj e en in list fan persoanen dy't har as sprekker of sljochtwei kongresgonger oppenearre ha. SeIs haw ik in foarkar foar it kongres fan 1962: "Hwat forstie en hwat forstiet men ûnder Frysk?", mar by oaren leit dat faaks oars. De 6frûne trije jier wie net allinne in perioade fan groei, mar ek fan feroaring. It sil wol tafal wêze, mar ien dei nei it foarige kon gres waard de nije saaklik direkteur beneamd, en koarte tiid letter kaam de nije wittenskiplik direkteur. It tal personielsplakken op de Akademy sil noch fierder groeie, en ek oan it universitêre front isit net allinne "Taakverdeling en Concentratie", d.w.s. besuniging: foar de trije bysûndere learstuollen liket der dochs in nije takomst moog lik te wêzen. Wy sitte no yn it wurdboekjier. It wurk oan in wurdboek noeget - as it goed is - ta diskusje. En ek'no't der wat de fiertaal fan it Grut Frysk Wurdboek oanbelanget in kar makke is, moat dat net de ein fan de diskusje betsjutte. Ek de nije technyske mooglikheden, dy't troch de fierdergeande kompjûterisearring alle jierren grutter wurde, needsaak je dêrta. It tema fan it kongres is: "Frysk: juster, hjoed en moarn". De kon greskommisje sil grif net besocht ha om dêrmei yn de beneaming te kom men foar de orizjinaliteitspriis. Mar bepaalde klisjees binne reëel. It Frysk hat in grut ferline, in hjoed en in takomst. Elke dei wurdt in stik takomst omsetten yn ferline, en der is belied foar nedich om der foar te soargjen dat der gen6ch takomst foar it Frysk oerbliuwt. Yn ferbän mei dat belied is it goed dat de grutte studzje "Taal yn Fryslän" koartlyn utkommen is. Ek dat is in reële bydrage fan de kant fan de frisistyk oan de takomst fan it Frysk. Dit kongres is mear as in redaksjegearkomste fan de skriuwers yn diel 10 fan de rige Philologia Frisica. It is in moeting fan minsken, in konfrontaasje fan ideeën en in presintaasje fan resultaten. Op hope dat de kommende dagen ek yn dat opsicht goed foldwaan si11e, iepenje ik it tsiende Frysk Fi1ologekongres. 9 Drs. K~F. van der Veen (De Tike) YNDIEL~NG EN RELATIVE OFSTAN FAN FRYSKE PLATTELANSDIALEKTEN 1. Oan.:ein It ~ema fan dizze dei is taaldatabanken. Op it earste gesicht hat myn lêzing neat mei sokke banken te krijen. Yn 'e titel wurdt der neat oer sein. Ik mei dêrom alderearst wol ferantwurdzje noat; i.k oan myn ûnderwerp kaam bin. Op himsels is ûndersyk nei de yndieling fan Fryske dialekten tige winskl~k: it is al goed 50 jier lyn dat Jan Jelles Hof syn Friesche dialec-cgeographiel), dêz" t er ek in yndieling yn jout, ferskynde en sûnt is der oan it yndielingsûndersyk fan it hiele Fryske taalgebiet net sa:folle mear dien. Wat de yndielingsmetoaden oangiet, hat der binnen de dialektology lykwols de lêste 50 jier wol in ûntjouwing west. Dêrby komt dat wy fan i t ferrin fan isoglossen fan gans taal ferskynsels yn it Frysk, tank sij nijere enkêtes, dialektatlassen en dielstûdzjes ensfh., no folIe mear witte. De taal is sûnt 1933 ek in bytsje feroare. Isoglossen binne ferdwûn of wat ferskood, guon binne faaks jong. Hof neamde bgl. noch de isoglosse fleis/flais - flêsk (s. 101). De foarm flêsk is ûnderwyls fierhinne weiwurden. Fierders wiisde Hof by herhelling op it tige betreklike fan syn yndieli.ng yn trije haaddialekten, te witten it Sudhoeksk, it Klaai frysk (d.w.s. it dialekt fan de Noardwestklaai plus it Wetterlàn) en it dia1ekt fan De Walden plus de Noardklaai. Dochs jout Hof seIs oan dat dy ferdieling wat tsjin hat: "Deze verdeeling heeft tegen, dat ze eigenli.jk geen rekening houdt met de taal van de zooeven aangeduide kleistrook in het noorden, door mij in dit werk als de Noordklei. aan geduid, want terwijl deze in de grond Kleifriesch is, houdt ze juist ten opzichte van de algemeene verschillen tussen Klei- en Woudfriesch de zijde van het laatste (s. 3)". Dêrom hie er earder, skriuwt er, al ris in yndieling yn fjouwer haaddialekten utsteld, te witten it Sud hoeksk, it Klaaifrysk (de Noardwestklaai plus it wetterlän), it Wald frysk en i t Noardklaaifrysk (s. 3) • Yn Friesche dialectgeographie komt er dêr lykwols fan werom en giet oer op de neamde trijedieling. Hy ferantwurdet dat sa: "(...ler bleek mij n c L; dat juist die ver schillende kenmerken van dit Noordklei-dialect die ons het recht zouden geven het als hoofddialect naast de andere te stellen, weer niet een gemeenschappelijke isoglosse hebben. Enkele dier verschillen zijn slechts eigen aan een deel van deze strook klei, waartoe, behal ve de Dongeradelen, ook Ferwerderadeel, en noordelijk Leeuwarderadeel behooren; van een andere valt de isoglosse iets binnen het gebied dat taalkundig tot dat v'an het Woudfriesch gerekend moet worden. Kortom, het Dongeradeelsch, of Noordklei-Friesch is niet, of ten minste slecht begrensbaar, en dus houd ik me maar weer aan de oude verdee ling (te witten de trijedieling) ... waarvan echter, zooals we na de algeheele isoglosseering van het Friesche taalgebied zien zullen, ook niet zoo heel veel overblijft" (s. 3). Hof lit de betreklikens fan de trijedieling dus tige dudlik utkomme2). 10 Underwilens is i t sa, dat der frijhwat ûnwissens bestiet oer de yndieling fan de Fryske dialekten. Op kaartsjes sjocht men gauris de isoglossearring yn trijen en dochs fjouwer nammen3). Men freget jin ûnwillekeurich êf, hoe sit it no mei de yndieling? Is it dialekt fan de Noardklaai no mear besibbe oan dat fan De Walden as oan it Noardwestklaaifrysk? Itselde kin men jin mutatis mutandis êffreegje by it Södhoeksk.