Parseberjocht 6 july 2017

FNP Ljouwert: mear tempo wurksumheden tagongsdyk

De FNP-Ljouwert wol dat der folle mear tempo makke wurdt mei de werynrjochting fan de Haedstrjitte yn Reduzum. De ynwenners fan Reduzum hawwe skjin har nocht fan it omriden, de (ferkears-)ûnfeilige situaasjes, de útrin fan de wurksumheden en de minne kommunikaasje. Dêrom komt de FNP yn aksje.

De bedoeling wie om de yngong en foarnaamste tagongsdyk ta it doarp te ferfraaien en tagelyk it rioel oan te pakken. Mar no hat de FNP sinjalen krigen dat by de útfiering fan de plannen tal fan problemen ûntstien binne: útrin fan de planning, minne kommunikaasje, problemen mei de helptsjinsten, (ferkears-)ûnfeilige situaasjes ensfh.

Sa is it hiel dreech om it doarp yn of út te kommen. Tal fan auto's parkeare dêrom by 'De Trije Romers' mar oaren nimme it smelle dykje tusken Wurdum en , in gefaarlike rûte om't dêr ek skoalbern fytse. Ferkear wat nei Reduzum wol moat fan it suden út wol 10-15 kilometer omride (fia --Idaerd-Reduzum). Ek de skoalbuskes fan de skoalle dy’t bern út , Tsienzerbuorren en Idaerd helje moatte einen omride.

De FNP hat ek begrepen dat ambulânses it paad net altyd fine kinne, wat by kalamiteiten dus in libbensgefaarlike situaasje opleveret! Mar der binne ek praktyske problemen. Sa hat it doarp in pear wike lyn troch de wurksumheden oardel oere sûnder elektrisiteit sitten en op in oar momint hat der in hiel grut gaslek west. Fan guon minsken hat it rioel hielendal ôfsletten west, wêrtroch de ynhâld fan de wc nei boppe kaam. De klean- en glêskontener wurde net mear lege. By swiere buien is de Haedstrjitte ien grutte rivierkolk wurden. Der is mnder omset foar de winkels en oare bedriuwen.

De kommunikaasje troch gemeente en oannimmer is ûndúdlik. Minsken witte net wêr’t se oan ta binne. Fierder hat de FNP hat fan ferskate kanten it sinjaal trochkrigen dat de wurksumheden gigantysk útrinne, oant yn septimber, wylst it earst 28 july allegear klear wêze soe. Bewenners fan Reduzum en omlizzende doarpen sitte no yn oer de merke, dy’t fan 1-3 septimber plakfynt.

De FNP hat yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan B&W no frege om yn oerlis mei de oannimmer it wurk sa gau mooglik ut te fieren (yn alle gefallen foar de merke!), bettere kommunikaasje mei it doarp oer de planning, mar ek mei de helptsjinsten as it giet om de oerlêst, wurksumheden, omriden en de planning.

Foar mear ynformaasje oer dit berjocht kin kontakt opnommen wurde mei Lyda Veldstra-Lantinga, fraksjefoarsitter FNP-Ljouwert, 06-51000295

Taheakke foto’s (3) kinne frij brûkt wurde.