201401 Om 'E Ald Toer, Skoalle- En Doarpskrante Fan Easterwierrum
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
Fan ‘e redaksje. De earste krante fan 2014, wer fol mei fan alles oer ús doarpke Easterwierrum. Nico’s kollumn nimt ús wer mei it ferline yn en de politike partijen besykje ús waarm te meitsjen foar de lokale ferkiezings yn maart. Tige de muoite wurdich om der ris efkes goed foar sitten te gean. In soad wille mar wer mei dizze krante. Om ‘e Ald Toer Het redactieadres Doarpsstrjitte 39, 9021CK Easterwierrum E-mailadres: [email protected] Als u de keuzemogelijkheid hebt; graag kopij digitaal aanleveren. Verschijningsdatum volgende Om ‘e Ald Toer: Maart 2014 Kopij inleveren vóór 6 maart 2014 Om ‘e Ald Toer, november ’15 Aginda Sneon 11 jannewaris ald papier om 10:00 oere oan de dyk. Tiisdei 28 jannewaris biljerten in de Tysker oanfang 20:00 oere. Tiisdei 11 febrewaris biljerten in de Tysker oanfang 20:00 oere. Tiisdei 25 febrewaris biljerten in de Tysker oanfang 20:00 oere. Sneon 8 maart ald papier om 10:00 oere oan de dyk. Tiisdei 11 maart biljerten in de Tysker oanfang 20:00 oere. Sneon 10 maaie ald papier om 10:00 oere oan de dyk. Sneon 12 juli ald papier om 10:00 oere oan de dyk. Sneon 3 septimber ald papier om 10:00 oere oan de dyk. Sneon 8 novimber ald papier om 10:00 oere oan de dyk. Tankbetsjûging Lâns dizze wei, wolle wij betankje foar de kaarten en it meilibjen út it doarp, nei it ferstjerren fan ûs soan Durk. It hat ús tige goed dien. H.en T. v. d. Sloot. Om ‘e Ald Toer, november ’15 Nijs fan Doarpsbelang Ferkearsremjend plato. De kûgel is troch de tsjerke. It plak en de hichte fan de ferkearsremjende drimpel Doarpsstrjitte/ Tsjerkebuorren is fêstlein. It plato sil útfierd wurde yn read asfalt en wurdt ± 25 m. lang mei in hichte fan 8 sm. By it oerstekplak by Weidum komt sa ‘n selde plato te lizzen. It lei earst yn de bedoeling dizze plato ‘s noch foar de Krystda- gen oan te lizzen, mar troch it útrinnen fan de wurksumheden oan de S. van Galema- wei yn Mantgum, yn Jorwert en de krusing Jellum-Bears wurdt it útsteld. It asfalt kin oanbrocht wurde by in temperatuer oant 5°C. As de temperatuer ûnder de 5°C komt wurdt de kwaliteit fan it asfalt net garandearre. Dêrom is der besluten de oanlis oer de winter hinne te tillen en sil it yn maart , as de temperatuer wer boppe de 5°C leit, útfierd wurde. Fytspaad. Mids novimber hat Doarpsbelang oerlis hân mei de gemeente. Tidens dit oerlis ha wy op ‘e nij oandacht frege foar it rinpaad lâns de Dilledyk. Wy soene graach sjen dat dit ferhurde wurdt, sadat it as fytspaad brûkt wurde kin en sa moai oanslút op it fytspaad lâns de Swette. It fytspaad lâns de Swette is in rekreatyf fytspaad, en sil by glêdens dan ek net struid wurde. Op dit paad troffen wy in oantal kearen dikke ho- pen hynstestront oan. Hynders meie net op dit paad. De gemeente sil besjen oft der roasters pleatst wurde moatte/kinne. De gemeente sil ek aksje ûndernimme om der foar te soargjen dat it paad bebuorde wurdt. Hûnestront. Om nei de aksje fan Serious Request noch mar efkes troch te gean op de shit, wy krije noch regelmjittich klachten oer hûnestront yn de buorren. Wy dogge dan ek nochris in berop op de hûnebesitters hjir om te tinken. Hegedyk – Krusing Froonackerdyk. Omt de grûn lâns de Hegedyk troch de oanlis fan de gaslieding fersakke is en der gauris troch de bus en it frachferkear troch de berm riden wurdt hat Doarpsbelang frege oft it ek mooglik is saneamde matsjes lâns de dyk te lizzen. Alles knapt ôf op it jild, dat is der nammentlik net! Sa nedich sille de kanten wat ferhurde wurde mei slakken. De Froonackerdyk wurdt oanpast en op de krusing komt in rotonde te lizzen. In plat- tegrûn fan dizze rotonde kinne jimme fine op de webside fan Easterwierrum. Fytspaad nei Klaeiterp. Ek dit paad ha wy werris ûnder de oandacht fan de gemeente brocht. Sa ’t ien en oar der de lêste tiid hinne leit is gjin reklame foar de gemeente. Mar ek hjirfoar jildt: Der is gjin jild. Underhâld grien yn ‘e buorren: Ofrûne simmer liet dit ûnderhâld te winskjen oer. Wy ha frege oft der yn de takomst mear oandacht oan skonken wurde kin. Oankommende simmer sille wy dit goed yn ‘e gaten hâlde. De measte fan dizze saken komme elts jier wer oan ‘e oarder, mar wy moatte mar oanhâlde as storein, mooglik dat der yn de takomst wer ris wat mear mooglik is. Ut namme fan it bestjoer, Tryntsje van der Meer, skriuwster. Om ‘e Ald Toer, november ’15 Fanfarekorps ONS IDEAAL EASTERWIERRUM Nijs fan muzykferiening ‘Ons Ideaal’ Op snein 10 novimber hat ‘Ons Ideaal’ in konsert yn Raerd jûn. Om’t der in protte nije jeugdleden by it korps sitte, hâldt de dirigint rekken mei de muzykkar. Op de repetysjes spylje we foar it skoft de wat makliker stikken en nei it skoft (de jeugd is dan nei hûs) de wat dregere stikken. Sa wie ek dit konsert yndield. As útsmiter stie de ’Cup Song’ op it programma. De jeugd hie hjiryn wol in hiel bysûn- dere haadrol: sy dienen de ‘cups’! En fansels mochten de bern út it publyk ek meid- waan. (it binne yndie de bern dy’t it ritme wòl samar ûnder de knibbel hawwe…) In geweldich slot fan in moai konsert! Op snein 24 novimber sit ‘Ons Ideaal’ klear yn de St. Margryttsjerke yn Easterlit- tens foar in bysûnder konsert. Neist muzyk fan ‘Ons Ideaal’ koe it publyk namentlik ek harkje nei in oantal sjongers! In famkeskoar song Beauty & de Brains (Nielson) en Rosanna (Nick & Simon) en ek de lieten Het Dorp (Wim Sonneveld) en Heb het leven lief (Liesbeth List) waarden songen. It publyk wie al aardich opwaarme en fûn it dan ek net slim doe’t ús dirigint harren útnoege om ek te sjongen. De teksten fan Simmermoarn, de Wâldsang & Hup sûpengrottenbrij waarden útdield en it wie al gau ien en al muzyk yn de tsjerke! Ek hjir wie de jeugd net te hâlden doe’t de ‘Cup Song’ te foarskyn kaam. Lokkich wie de organisaasje goed tared. Mei in pear tafels en in hiele protte bekers koe, elts dy’t woe, meidwaan oan de ‘Cup Song’. It wie in prachtige en bysûnder muzikale middei! Wa’t it ‘Friesch Dagblad’ lêst, hat yn de âld&nijbijlage in reportaasje lêze kinnen fan Ria Kraa oer ‘Ons Ideaal’, ûnder oare ek oer dit konsert! Mei in protte ynspanning fan in oantal entûsjaste leden ha we fan de Rabobank in sjek ûntfongen fan mar leafst €4000,-! Jild dat brûkt wurde sil foar de oanskaf fan ynstruminten foar de jeugd. En dan wie der fansels noch it Krystkonsert. Tegearre mei it doarpskoar fan Easterwierrum wie der op snein 22 desimber in krystkonsert yn de Roomske Tsjerke. Mei muzyk, in ferhaal en waarme poeiermolke wie dit in moaie opwaarmer foar de kommende Krystdagen. Op dit stuit is it noch net oan de lêste dei fan it jier ta. Wy hoopje fansels dat de oaljekoekke-aksje yn de nije opset in grut súkses west hat! Dan noch even de data wannear’t ‘Ons Ideaal’ it âld papier ophelje sil yn 2014: Om ‘e Ald Toer, november ’15 sneon 11 jannewaris sneon 8 maart sneon 10 maaie sneon 12 july sneon 13 septimber sneon 8 novimber Oant safier en oant de oare kear! Joukje Zijlstra Oan de ynwenners fan Easterwierrum, Foar de lêste kear kinne wy as selsstannich Littenseradiel in eigen gemeenteried kieze. Wy as FNP Littenseradiel hienen graach Littenseradiel as gehiel weryndiele litte wollen of mear gearwurkje mei de buorgemeenten. It is ek no noch net wis oft weryndieling wol it goede antwurd is op de oankundige desintralisaasje fan soarchtaken. Wy sille lykwols dit demokratysk nommen beslút respektearje, mar wol de fierdere stappen kritysk folgje. Mei it each op de gemeenteriedsferkiezings op 19 maart is it fan grut belang fan jo sa goed mooglik te witten wat der yn jim doarpen spilet. Jou jimme soargen en winsken foar de takomst fan jim doarp, bygelyks wat de soarch, ûnderwiis, wenjen, ferkear, foarsjenningen oanbelanget, oan ús troch. Net boargers ôfstjitte, mar in brêge slaan! De FNP ferbynt! FNP Littenseradiel: www.fnp-littenseradiel.nl e-mail: [email protected] p.a.: Hearedyk 9 , 8735 HN Itens Om ‘e Ald Toer, november ’15 Om ‘e Ald Toer, november ’15 Met de neus in de boter. In onze streek zie je nog veel oude boerderijen, waarbij onder of naast de woonkamer een kelder is gebouwd, de zogenaamde molkenkelder. Deze kelders stammen uit de tijd, toen de melk op de boerderij ter plaatse werd verwerkt tot boter. “Dit botermaken was destijds een echte vrouwentaak “, vertelt Liskje Flapper uit Burchwert : “het was vooral de taak van de boerin “. Flapper is docent aan de NHL in Leeuwarden en heeft zich verdiept in de historische rol van de boerin op de boerderij. De boterbereiding was destijds een intensieve be- zigheid, geeft Flapper aan. De verse melk werd in de molkenkelder in grote schalen, de molkaden, geleegd. Hierdoor koelde de melk sneller af en kon de volgende dag worden afgeroomd. De room werd vervolgens in de karn, door aandrijving van paar- denkracht, samengeklont tot boter. Tenslotte werd met kneden en afspoelen de laatste karnemelkresten uit de boter verwijderd. Het hele proces van boterbereiding was een tijdrovende bezigheid, dat met de nodige zorg uitgevoerd werd. Voortdurend moest de temperatuur gecontroleerd worden en was ook hygiëne erg belangrijk.