US WURK XLVII (1998), P. 62 [0931]
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
US WURK XLVII (1998), p. 62 [0931] Dizze rubryk is ornearre foar it sinjalearjen fan publikaasjes op taalkundich en skielk ek letterkundich mêd dy't oer it Frysk geane, dêr't it Frysk yn behelle wurdt of dy't fan streekrjocht belang foar de stúdzje fan it Frysk binne. Der kinne ek meidielingen op frisistysk mêd yn opnommen wurde. Fan 1985 oant 1995 stie al in rubryk mei deselde namme yn it no net mear ferskinende Tydskrift foar Fryske Taalkunde. Om't sa'n oankundigjende rubryk sûnder mis yn in ferlet foarsjocht, wurdt 'Op it mêd' no fuortset yn Us Wurk. De redaksje hâldt him oanrikkemandearre foar tips fan lêzers. [0932] Jarich Hoekstra, Preposition Stranding and Resumptivity in West Germanic. Yn: H. Haider, S. Olsen & S. Vikner (eds.), Studies in Comparative Germanic Syntax (= Studies in Natural Language and Linguistic Theory; 31), Kluwer, Dordrecht (1995), 95-118. It is Hoekstra der yn dit artikel om te rêden hoe't it ferskynsel preposysje- strâning yn it Frysk, it Hollânsk en it Dútsk analysearre wurde moat. Preposy- sjestrâning hâldt yn dat in preposysje efterlik yn 'e sin stiet, wylst it kom- plemint foaroan stiet, lykas yn 'dêr hie ik net oan tocht' en 'Ljouwert hie ik net oan tocht'. Mei foaropsette wurdsjes lykas Frysk dêr en wêr giet it yn alle talen goed. Oars wurdt dat wannear't it om in foaropset(te) fol(le) haadwurd- (kloft) giet, lykas yn '(de) bern wurdt net nei harke'. Hoekstra lit sjen dat men by in foaropset(te) fol(le) haadwurd(kloft) net mei in benefter littene pre-, mar mei in postposysje te krijen hat, dy't altyd in r-wurd (dêr, wêr, hjir) by him hat. Syn konklúzje is, dat der by in foaropset(te) fol(le) haadwurd(kloft) gjin ferpleatsing west hat, mar dat dat haadwurd/ dy haadwurdkloft yn 'e basis al foaroan yn 'e sin generearre is en dêr wei in leech resumptyf foarnamwurd bynt. Yn it gefal fan in foaropset r-wurd hat men ferpleatsing. Foaropset(te) fol(le) haadwurd(kloft)en kinne allinnich, wannear't in taal resumptive foarnamwurden tastiet. It Hollânsk docht dat net en dêr is in foaropset(te) fol(le) haadwurd(kloft) dan ek ûnmooglik. Ut dat parametryske ferskil tusken beide talen binne mear ferskillen te ferklearjen, docht bliken. It Dútsk stiet ek resumptive foarnamwurden ta, mar op it stik fan preposysjestrâning fer- skilt it net in bytsje fan it Frysk. Neffens Hoekstra is dat te ferklearjen mei de oannimming dat beide talen net US WURK XLVII (1998), p. 63 deselde resumptive strategy hawwe: yn it Frysk wurdt in resumptyf foarnam- wurd yn 'e basis generearre, yn it Dútsk is it in útstavere spoar dat troch in ferpleatst elemint benefter litten is. In net maklik stik, dat it eigen plak fan it Frysk mank de oare Germaanske talen moai sjen lit. (willem visser) [0933] C. van Bree, Het probleem van het ontstaan van het 'Stadfries' in ver- band met nieuwe talen in contact-theorieën. Handelingen Regionaal Collo- quium Neerlandicum. Acta Universitatis Wratislaviensis No 1651. Wroclaw (1994), 43-66. Yn dit stik besiket Van Bree in andert te jaan op 'e âlde fraach nei it ûntstean fan it Stedsk. Hy sjucht dêrby nei trije teoryen oer talen yn kontakt fan Van Coetsem (1988). Benammen dy syn ûnderskieden fan source language agen- tivity (ien bringt ileminten fan syn eigen taal oer nei in twadde taal dy't er besiket te praten) en recipient language agentivity (ien nimt ileminten út in twadde taal oer yn syn eigen) en syn opmerkingen oer de stabiliteit fan taalileminten (de sinbou is bygelyks stabiler as de wurdfoarrie) kin Van Bree brûke. Op grûn fan dy begripen makket er fiif mooglike senario's op foar it ûntstean fan it Stedsk. Hy hifket de fiif mooglikheden oan 'e hân fan 'e tastân yn 'e ûnderskate dielsystemen fan 'e grammatika fan it Ljouwertersk. Dêrby docht bliken dat de meast stabile parten fan it taalsysteem (útspraak, sinbou en de morfology fan ûnbeklamme wurdlidden) foar it grutste part Frysk binne, wylst de minder stabile ûnderdielen (de morfology fan beklamme wurdlidden, de leksikale fonology en de wurdfoarrie) meastepart Hollânsk binne. Syn konklúzje is dat it Stedsk Hollânsk is mei Frysk substraat, in be- festiging alsa fan Kloeke syn ferneamde útspraak dat it Stedsk "Hollandsch in Frieschen mond" is. In koartere, Ingelske ferzje fan dit artikel is ferskynd as: Cor van Bree, The development of so-called Town Frisian. Yn: Peter Bakker and Maarten Mous (eds.), Mixed languages, 15 Case Studies in Language Intertwining. Dor- drecht (1994), 69-82. (jarich hoekstra) [0934]Ergebnisse der Exkursion in das Saterland am 8.1.1994 des Seminars Saterfriesisch, Leitung Prof. Dr. Utz Maas. Redaktionelle Bearbeitung durch Stefan Tröster. Herausgegeben am Fachbereich 7, Sprach- und Literatur- wissenschaften der Universität Osnabrück als vervielfältigtes Manuskript; im Januar 1995. Universität Osnabrück, Fachbereich 7, 49069 Osnabrück. In ploechje studinten fan 'e Universiteit fan Osnabrück hat yn jannewaris 1994 fjildûndersyk dien yn it Sealterlân. De 40 saneamde Wenker-Sätze, dy't likernôch 100 jier lyn alris foar it Sealterlânsk ôffrege binne, binne nochris skriftlik en op lûdbân fêstlein. Fierders waarden spontane petearen US WURK XLVII (1998), p. 64 en ferhalen opnommen. In koart ferslachje (12 siden) fan 'e earste risseltaten fan it útslachtsjen fan dat materiaal is no yn in foech 'working paper' útjûn. Op it aljemint komme dêryn de stavering fan it Sealterlânsk, de Platdútske en Heechdútske ynterferinsje en it lûdsysteem (û.o. it probleem fan 'e heallange lûden). Botte djip dolt it allegearre noch net, mar der wurdt ús in neiere en yngeandere útwurking fan it materiaal (bgl. yn skripsjes) tasein. (jarich hoekstra) [0935] Damaris Nübling, Kurzverben in germanischen Sprachen. Unterschiedliche Wege - gleiche Ziele', Zeitschrift für Dialektologie und Linguistik 62 (1995), 127-154. Yn dit beskriuwend-ferlykjende artikel giet Nübling earst nei hokker Kurzverben (dêr't se ûnder ferstiet: tiidwurden mei inkel in monosyllabyske ynfinityf) besteane yn in tal Noard- en Westgermaanske talen/dialekten, wêr- ûnder it Westerlauwersk Frysk. Dêrnei wurdt foar de ûndersochte taalsys- temen beskreaun hoe't de tiidwurden dy't net de fuorstsetting binne fan de Yndoeuropeeske mi-tiidwurden (ek wol atematyske tiidwurden) har hjoed- deiske foarm krigen ha (bygelyks troch regelmjittige of ûnregelmjittige kon- traksje). Fleksjonele en syntaktysk-semantyske karakteristiken en bysûndere ûntjouwingen komme ek op it aljemint. It grutte ferskil yn oantallen Kurzverben tusken bygelyks it Zürichdútsk en it Nijheechdútsk hat neffens Nübling te krijen mei in ferskil yn morfologyske kompleksiteit: troch in lytser tal sterke tiidwurden en de ôfwêzichheid fan de doetiidfoarmen ('Präteri- tumschwund') kin it Zürichdútsk "sich deshalb mehr zusätzliche morphologi- sche Irregularität in Form einer Sonderklasse, der Kurzverben, leisten als das Neuhochdeutsche" (s. 147). It wurdt net dúdlik hoe't dy talen har kwa morfologyske kompleksiteit ferhâlde ta de twa ûndersochte Westgermaanske talen, it Standertnederlânsk en it Frysk. Dy sitte kwa oantal Kurzverben tusken it Nijheechdútsk en it Zürichdútsk yn, mar fan Präteritumschwund is gjin sprake. Men hie dan ek graach wat sifermjittige gegevens sjoen oer oan- tallen sterke tiidwurden yn de ûnderskate talen/ dialekten. Yn de lêste paragraaf komme de frekwinsjes fan tiidwurden en de gefolgen dêrfan op de performance, competence en persepsje oan 'e oarder. Yn de paragraaf oer it Frysk skriuwt Nübling fral oer de bysûndere ûnt- jouwingen fan jaan en dwaan en oer de ie-doetiid fan fiif Kurzverben. Nübling rekkenet dêr njonken dwaan, gean, stean en haw(we) - dat, c.f. har Figuer 1 en 8, yndie mar foar in part as Kurzverb beskôge wurde kin, sjoch ek Us Wurk 43 (1994), 76-79 - ek wêze ta. Mar dat is neffens Nüblings eigen definysje gjin Kurzverb. (durk veenstra) US WURK XLVII (1998), p. 65 [0936] J. Cajot, L. Kremer & H. Niebaum, Lingua Theodisca. Beiträge zur Sprach- und Literaturwissenschaft; Jan Goossens zum 65. Geburtstag. Lit, Münster (1995). 1259 siden. Niederlande Studien 16/1 en 16/2.ISBN 3-8258- 2279-6. Dit "zweibändige" Festschrift foar J. Goossens is sa tsjok, dat men de tel oer it tal bydragen wat kwytrekke is. Op 'e flaptekst fan diel 2 wurdt sein dat de bondel njonken û.o. it Foaropwurd en de folsleine bibliografy fan Goossens 112 bydragen befettet. Ut de ynhâldsopjefte docht lykwols bliken dat it 110 binne. Mei't trije artikels troch twa persoanen skreaun binne, is it yn it 'Vorwort/Woord vooraf' neamde oantal fan 113 skriuwers wol korrekt. De bydragen binne ferdield oer njoggen - tematysk oardere - skiften. Foar de frisistyk binne fan belang de bydragen fan D. Hofmann, R.A. Ebeling en A. Feitsma. De beide lêste steane yn de twadde bân. Hofmann giet yn 'Zur Monophthongierung von germanisch ai und au im Altfriesischen und in seinen Nachbarsprachen' (s. 23-35) nei hoe't it systeem fan lange fokalen yn it Aldfrysk, Aldnederlânsk, Aldsaksysk en Aldingelsk feroare is nei monoftongearring fan ai en au (dy't yn it Aldingelsk net mo- noftongearre is) en hokker oerienkomsten en ferskillen der datoangeande fêst- steld wurde kinne tusken it Aldfrysk en de oare trije talen. Dêrby wurdt fral omtinken jûn oan it hoe en het fan it spjalten fan ai yn it Aldfrysk en oer de datearring fan de monoftongearring fan ai en au. Yn 'Beetstra, Boonstra und Konsorten. Über das Bildungselement -stra in niederländischen Familiennamen' (s. 743-753) behannelet Ebeling in tal as- pekten fan de famyljenammen op -stra. Der wurdt omtinken jûn oan de taal- histoaryske en geografyske kanten fan dat suffiks, en oan de topony- mysk-topografyske en de morfologyske aspekten fan it basiswurd. It suffiks giet tebek op it âldwestfryske sittera/ setera, bûgingsfoarmen fan sitter ('frije boer, besitter'); nammen op -stra komme it meast foar yn Fryslân en yn de oanswettende parten fan Grinslân. It basiswurd is kwa stavering en útspraak yn de measte gefallen Standertnederlânsk.