Jier 2 nr 3 Nijsbrief novimber 2012 Bysûndere ledegearkomste Ljouwert/ Yn dizze nijsbrief (noard) 12-12-12 om 20.00 oere Duhoux , Wurdum • Bysûndere Ledegearkomste 12-12-12 1. Iepenjen en fêststellen wurklist bysûndere gearkomste • FNP ôfdielings 2. Meidielings • Taljochting fan de foarsitter • 3. Taljochting weryndieling ôfdieling Boarnsterhim 4. Opsetten ynterim bestjoer Noard Boarnsterhim/Ljouwert (Mid Fryslân) Doel opsetten program en kieslist foar ferkiezings novimber 2013 5. Bestjoersferkiezings Ynterim bestjoer: Foarstel bestjoeren foar de gearkomste. Foarsitter: Albert Seldenrust (Boarnsterhim) Skriuwster: Jantsje Heeringa (Ljouwert) Ponghâlder: Ruerd Twynstra (Boarnsterhim)

Algemien lid: Egbert Kroes (Ljouwert) Algemien lid: Cor Jonkman (Boarnsterhim)

Algemien lid: Yde Dijkstra. (Ljouwert)

6. Tastân kommen ôfdieling Sudwest Fryslân (Cees Nieboer) 7. Oandachtspunten program en kieslist en promoasje Aginda 8. Slúten

12-12-12 FNP ôfdielings ledegearkomste bysûndere ledegearkomste Duhoux yn Wurdum Op 1 jannewaris 2014 sil de gemeente Boarnsterhim opdielt wurde tusken Ljouwert, it Hearrenfean, de Súdwesthoeke (SWH) en Skarsterlân. Hjirtroch sil de FNP ôfdieling ek opdielt wurde tusken de omlizzende ôfdielingen. De bestjoeren fan dizze ôfdielings ha op heal oktober 2012 yn Dearsum mei el- koar om é tafel sitten. Oprop oan leden Hjir ha we ôfpraat dat leden meidraaien gean yn de omlizzende ôfdielingen ôfdieling Boarnsterhim Troch ynterim bestjoeren op te stellen of de leden oergean te litten takom jier en Ljouwert dy’t nei harren nije ôfdieling mei de jierlikse ledegearkomste fan de oangeande ôfdieling. Sa tinke we de opdieling neffens de júste wize te dwaan om sa it gearfoege wurde . mandaat te jaan oan de leden. Want we kinne net as bestjoeren los mar wat regelje lykas in program opstelle en in kieslist opstelle fan in nije ôfdieling. Foar Ljouwert /noard Boarnsterhim sil foar de leden út dizze regio (Ljouwert/ //// in ynterim bestjoer keazen wurde. PAGINA 2 JIER 2 NR 3

Taljochting fan de Foarsitter

As bestjoer ha we de lêste tiid net stil sitten. De opheffing fan de gemeente komt sa stadichoan tichtby. Novimber takom jier binne de ferkiezings al yn it diel Boarnsterhim/Hearrenfean en Boarnsterhim/Ljouwert. En der soe sa ek noch wol it Fryske marren trajekt bykomme kinne. Wat ha we dien.... We ha as bestjoeren de koppen byelkoar stutsen en we ha de folgende prakty- ske oplossing fûn. It sil yn ferskillende fazen plakfine. As earste Noard Boarnsterhim /Ljouwert Hjir komt it grutste part fan de leden út Boarnsterhim dat de helte foarmje sil mei de leden út Ljouwert. In ynterim-bestjoer sil harren dwaande hâlde mei it opset- ten fan it program en de kieslist foar Ljouwert en Wergea/Warten/Reduzum/ //Jirnsum en Grou. Wêrom in ynterim bestjoer kieze? Reden is om dit bestjoer it mandaat te jaan om it program en de list gear te stal- len en fêst stelle te litten troch de leden út dizze plakken. Foar stêd en plattelân binne talrike ûnderwerpen wichtich. Neist dit ynterimbestjoer binne der ek ferskate leden ree fûn om hjir mei te helpen dit op te setten.

Foar ôfdieling Hearrenfean en Akkrum/Nes/Aldeboarn binne minske frege om mei te helpen by de ferkiezings yn novimber 2013. Hjir sil in kommisje ûnder lieding fan it bestjoer fan de ôfdieling Hearrenfean mei it program en kieslist oan de slach. Yn de ledegearkomste fan april kinne de leden fan Súd Boarnsterhim ôfdieling Boarnsterhim hjir oer gear. giet yn ferskillende fazen Dit jild ek foar Terherne dat nei giet. Ek hjir kinne de leden fan Terherne yn it proses fan de weryndieling fan de Fryske Marren meidraaie. oer nei de oare FNP ôfdielings Foar de Legeaën. Raerd en Dearsum gean takom jier oer nei de Súdwesthoeke. Hjir binne net earder ferkiezings en kinne dan yn it “reguliere trajekt”meidraaie. We hawwe dus kommend jier as Boarnsterhim in ynterimbestjoer der by. It besteande bestjoer fan Ljouwert en Boarnsterhim sil him dwaande hâlde mei de rinnende saken. Hjirneist geane de oare bestjoeren mei it program en de list oan de gong. Oant de 12e Desimber yn Wurdum.

Cor Jonkman Foarsitter FNP Boarnsterhim