Ynfieringsplan Fryske Plaknammen
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
YNFIERINGSPLAN FRYSKE PLAKNAMMEN TAHEAKKEN Nûmer Titel Opmerkingen 1. List mei plaknammen en reaksjes Reaksjes doarpsbelangen en ynwenners 2.1. Advys kommisje Nammejouwing 2.2. Oanfoljend advys kommisje Nammejouwing Oer Aalsum en Hiaure 3.1. Advys Topografyske Wurkgroep Fryslân (TWF) 3.2. Oanfoljend advys TWF Oer Aalsum en Hiaure 4. Impactanalyze applikaasjelânskip 5. List Fêst te stellen plaknammen 1-1-2023 Fersydatum : 01-06-2021 Saaknûmer : Z301043-2021 1 Ynhâld 1. Ynlieding 3 2. Wetlik ramt Fryske taal 3 3. Kritearia ôfwiken Fryske plaknamme 3 4. Reaksjes doarpen 3 5. Advys kommisje Nammejouwing en Topografyske wurkgroep Fryslân 4 6. Foarstel kolleezje plaknammen 4 7. Plaknammeboerd 6 8. Kosten 6 9. Ynfieringsdatum 8 10. Planning 8 2 1. Ynlieding Yn de gearkomste fan de ried fan 10 septimber 2020 is de nije taalnota “Mei elkoar foarút mei it Frysk” fêststeld. De ried hat yn de gearkomste in amendemint oannaam oer it ynfieren fan Fryske plaknammen. De tekst fan it amendemint is: Yn te stimmen mei de taheakke nota Frysk taalbelied “Mei elkoar foarút mei it Frysk”. Yn it ramt fan harmonisaasje offisjeel de Fryske of histoaryske (dialekt) toponimen op te nimmen en te hantearjen foar alle plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân. En dit ek werom komme te litten op de bebuording, as der moat al beswier oantekene wurde troch in fertsjinwurdigjend orgaan fan it plak, dat droegen wurdt troch de mearderheid fan syn ynwenners. Yn dit ynfieringsplan wurdt oanjûn hoe’t de ynfiering plak fine sil en komme saken sa as de reaksjes fan de doarpen en kosten oan de oarder. 2. Wetlik ramt Fryske taal Op ynternasjonaal nivo binne it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (it Ramtferdrach) en it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden (it Hânfêst) fan tapassing op de Fryske taal. Dy ferdraggen binne opsteld troch de Ried fan Europa en jouwe bepaalde rjochten en frijheden op it mêd fan de Fryske taal. It doel fan it Ramtferdrach is ‘it befoarderjen fan de folsleine en feitlike gelikensens fan ta nasjonale minderheden behearrende persoanen, op alle ekonomyske, maatskiplike en kulturele terreinen’. Ek it Hânfêst is fan tapassing op de Fryske taal. It haaddoel fan it Hânfêst is it befoarderjen en it beskermjen fan de Fryske taal yn it deistich libben. Op nasjonaal nivo is de Wet gebrûk Fryske taal en de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK) fan tapassing. Op 30 novimber 2018 hawwe de boargemasters fan de eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân c.a. en Dantumadiel yn ’e mande mei it Ryk en de provinsje Fryslân in bestjoerlike oerienkomst ûndertekene. Yn dy bestjoerlike oerienkomst wurdt ôfpraat dat it nij te foarmjen Fryske taalbelied yn oerienstimming is mei ynternasjonale ferdraggen en bilaterale oerienkomsten lykas it Hânfêst en de BFTK. Fierder beneamt dy oerienkomst spesifyk de artikels 4 lid 2 en 7 lid 1 sub b fan it Hânfêst, dy’t derop tasjogge dat nije bestjoerlike weryndielingen gjin behindering foarmje foar it befoarderjen fan it Frysk. De gemeenten jouwe yn de oerienkomst oan dat se dernei stribje dat it besteande gebrûksnivo fan de Fryske taal der foar de ynwenners nei de fúzje op foarútgiet 3. Kritearia ôfwiken Fryske plaknamme It amendemint jout de romte om te kiezen foar in histoaryske (dialekt) namme. De folgjende kritearia wurde hantearre by de beoardieling om ôf te wiken fan de Fryske plaknamme: - De oandroegen namme kin oanmerkt wurde as histoarysk wannear’t de Topografyske Wurkgroep Fryslân en de gemeentlike Nammejouwingskommisje dit befêstigje. - It doarp falt yn in spesifyk taalgebiet. 4. Reaksjes doarpen De 29 doarpen dêr’t de Fryske namme oars fan is as de Nederlânske namme, binne ynformearre troch it kolleezje oer it foarnimmen om Fryske plaknammen yn te fieren. Doarpen dy’t in histoaryske (dialekt)namme wolle, koene oant 1 maaie in reaksje stjoere. Yn de brief dy’t stjoerd is, is oanjûn dat wannear’t doarpen net reagearje, wy derfan útgean dat it doarp ynstimme kin mei de Fryske plaknamme. 18 doarpsbelangen (ynklusyf de ynwenners fan Augsbuurt) ha in reaksje stjoerd nei de 3 gemeente. De doarpen Burum, Munnekezijl, Warfstermolen, Kollumerpomp, Aalsum, Augsbuurt, Waaxens en Metslawier jouwe oan dat se de Nederlânske namme behâlde wolle. De doarpen Ee en Morra jou oan graach de twatalige plaknammebuorden hâlde te wollen en dan de Fryske namme boppeoan. Oosternijkerk, Niawier en Hiaure wol de situaasje sa’t dy no is graach hâlde. Westergeast, Hantumeruitburen en Paesens stimme yn mei de Fryske plaknamme. It bestjoer fan doarpsbelang Oostmahorn ferwiist nei it advys fan de Topografyske wurkgroep Fryslân en giet foar de namme De Skâns Oostmahorn. It bestjoer fan Kolllumerzwaag/ Veenklooster jout oan neutraal yn de diskusje te stean. Dêrneist ha 3 ynwenners in reaksje nei de gemeente stjoerd. Yn taheakke 1 stiet in oersjoch fan alle reaksjes. 5. Advys kommisje Nammejouwing en Topografyske Wurkgroep Fryslân Yn febrewaris 2021 hat it kolleezje it foarnommen beslút naam om de Fryske plaknammen fêst te stellen sa as oanjûn op de list dy’t de kommisje Nammejouwing opsteld hat. Nei oanlieding fan de reaksjes fan doarpsbelangen hat de kommisje nochris nei de nammen sjoen en jout de kommisje in advys. It giet dan benammen om de doarpen Augsbuurt, Kollumerpomp, Oostmahorn, Aalsum en Hiaure. Ek de Topografyske Wurkgroep Fryslân hat advizen útbrocht. Sjoch de taheakken 2.1, 2.2., 3.1 en 3.2. 6. Foarstel kolleezje plaknammen Der binne meardere doarpen dy’t oanjûn ha net ynstimme te kinnen mei it ynfieren fan de Fryske plaknamme. Hjir binne net altyd (histoaryske) arguminten foar oanfierd. In oantal doarpen neamt ekonomyske arguminten om net oer te gean op Fryske plaknammen. De provinsje Fryslân jout oan dat in plaknammeferoaring gjin ekonomyske neidielen opsmyt. De Fryske taal en kultuer jouwe de provinsje en ek de bedriuwen wat unyks. Foar bedriuwen betsjut it wizigjen fan de plaknamme dat bygelyks reklamemateriaal, adressen op brieven en faktueren oanpast wurde moatte. Hjoed-de-dei binne in soad fan dit soarte saken digitaal. De wiziging giet yn mei yngong fan 1 jannewaris 2023. Bedriuwen ha sa foldwaande tiid om harren ta te rieden op de feroaring fan de plaknamme. Sjoen de reaksjes fan de doarpsbelangen, de kritearia om ôf te wiken fan de Fryske plaknammen, de advizen fan de Topografyske wurkgroep Fryslân en de kommisje Nammejouwing, komt it kolleezje mei it folgjende foarstel oangeande de plaknammen. It kolleezje stelt de gemeenteried foar yn te stimmen mei it foarstel om de plaknammen fêst te stellen sa as oanjûn op de list “Fêst te stellen plaknammen 1-1-2023” (Taheakke 5). Foar de doarpen Aalsum, Augsbuurt, Hiaure, Burum, Kollumerpomp, Munnekezijl, Warfstermolen en Oostmahorn wurdt hjirûnder in taljochting jûn. Aalsum Doarpsbelang jout yn harren reaksje oan dat in mearderheid fan de ynwenners fan it doarp him net fine kin yn de ynfiering fan de Fryske plaknamme Ealsum. It bestjoer jout in oantal arguminten oan yn in ramt fan histoarysk besef en ekonomy. De TWF jout yn syn advys oan dat alle nammen dy’t ienris opskreaun waarden trochgean kinne soene foar histoarysk. Dit is net de bedoeling. Der moat útgien wurde fan wat it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden oanjout: in namme dy’t oer langere tiid binnen it Frysk as tradysje sjoen wurdt. Dit is mei de namme Aalsum net sa. 4 Foarstel: Aalsum wurdt Ealsum Augsbuurt De ynwenners fan Augsbuurt ha in reaksje ynstjoerd. Sy jouwe oan de namme Augsbuurt behâlde te wollen. Arguminten hjirfoar wurde net neamd. De Topografyske Wurkgroep Fryslân en de Nammejouwingskommisje jouwe beide oan dat de Fryske namme foar Augsbuurt is: Augsbuert- Lytsewâld of Lytsewâld is. Foarstel: Augsbuurt wurdt Augsbuert-Lytsewâld Burum, Munnekezijl, Kollumerpomp en Warfstermolen De doarpsbelangen fan de 4 doarpen ha in reaksje ynstjoerd. Yn alle doarpen binne de ynwenners frege nei harren miening. In grutte mearderheid fan de ynwenners is foar it behâlden fan de hjoeddeiske nammen. Yn de nota Frysk taalbelied “Mei elkoar foarút mei it Frysk” is oer de doarpen it folgjende opnaam: “Yn de provinsje Fryslân wurde inkelde kontaktfariëteiten praten dy’t ûntstien binne út it kontakt tusken it Frysk en it Nederlânsk. Dy Frysk-Nederlânske kontakttalen (kontaktfariëteiten) wurde yn de deistige omgong brûkt. Se behearre ta it kultuerhistoarysk erfgoed en binne fan grut belang foar de taalwittenskip. Yn it gebiet eastlik fan Kollum en súdlik fan it Lauwersmargebiet en yn it uterste noarden fan de gemeente Achtkarspelen wurdt ek in kontaktfariëteit praten. As oerkoepeljende beneaming wurdt it Súd-Lauwerslânsk hantearre. Yn de doarpen Boerum, Muntsjesyl, Warfstermûne en De Pomp wurde ferskate fariëteiten praten dy’t yn de literatuer wol ta it Stedfrysk rekkene wurde, mar benammen foar de fariëteit fan Muntsjesyl wurdt ek tocht oan it Westerkertiersk.” De 4 doarpen falle yn in taalgebiet Súd-Lauwerslânsk. It Frysk is hjir minder oanwêzich as yn de oare dielen fan de gemeente. Foarstel: de nammen Burum, Kollumerpomp, Munnekezijl en Warfstermolen as offisjele plaknammen te behâlden. Hiaure Doarpsbelang wiist yn harren brief op de histoarje fan de namme Hiaure en wol de namme Hiaure behâlde. De Nammejouwingskommissje jout oan dat de letterkombinaasje Hi of Hy útsprutsen waard as J. Men spruts dus fan Jouren en Jouwer. De Topografyske Wurkgroep Fryslân jout dêrneist oan dat de tradysje wol dat Hiaure ta it Nederlânsk rekkene wurdt en de foarmen fan De Jouwer ta it Nijfrysk. Yn in oanfoljende reaksje ferwiist it doarpsbelang nei in stik fan drs. Pieter Duijff fan de Fryske Akademy. Hjir stiet yn dat yn 1459 Hiouren en yn 1488 Jouwere foar komt. Foarstel: Hiaure wurdt De Lytse Jouwer. Oostmahorn It doarpsbelang jout yn harren reaksje oan dat se harren fine kin yn de opsje dy’t de Topografyske wurkgroep Fryslân oandroegen hat: De Skâns-Oostmahorn. Ek de Nammejouwingskommisje jout dizze opsje oan.