Genealogysk Jierboek 1995
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
GENEALOGYSK JIERBOEK 1995 ûnder redaksje fan Ype Brouwers, Reid van der Ley, Douwe J. van der Meer, Pieter Nieuwland en Hein Walsweer, heraldysk meiwurker: Rudolf J. Broersma Fryske Akademy Ljouwert, 1995 (Genealogysk Wurkferbân) Nr. 816 © Fryske Akademy - Ljouwert/Leeuwarden CIP-GEGEVENS KONINKLIJKE BIBLIOTHEEK, DEN HAAG Genealogisch Jierboek 1995 / ûnder redaksje fan Ype Brouwers ... [et al.]. - Ljou- wert [Leeuwarden]: Fryske Akademy. - Yll. - (Fryske Akademy ; nr. 816) ISBN 90-6171-816-3 NUGI647 ISSN 0928 - 0480 Trefw.: genealogie; Friesland. Setwurk: Copy Service Leeuwarden Fan dit boek mei neat fermannichfâldige en/of iepenbier makke wurde troch print- sjen, fotokopiearjen, it meitsjen fan mikrofilm of op hokker oare wize dan ek, sûnder dat de útjouwer yn 't foar syn tastimming jûn hat. YNHALD side Y. Houkes-Winter Kertiersteat fan Ankje Aaltje Houkes 7 Reid van der Ley Friese veroordeelden in Veenhuizen en Ommerschans (1896-1901) 49 D.J. van der Meer Lijst van dorpen en steden (1716-1721) 128 Paul Noomen en De genealogie van de Friese adel Gerrit Verhoeven volgens Upcke van Burmania (Aelua van Witmarsum, Aelua van Bornwerd) 141 Fryske Rie foar Heraldyk Wapenregistraasje 177 KERTIERSTEAT FAN ANKJE AALTJE HOUKES Ynlieding Dizze kertiersteat soe ik opdrage wolle oan ús dochter Anke, dy't yn 1982 rimpen weirekke oan in longemboly. Neffens de 'patholoog anatoom' dr. Zeldenrust soe dat noch in gefolch wêze kinne fan de swiere ferwûnings, oprûn by in auto-ûngemak fan tsien jier earder. Doe ried yn 'e omkriten fan Barneveld in dronken man mei syn auto rjocht op har en har man yn. Nei in houlik fan krekt seis wiken rekke Ankes man der by op slach wei. Foar har kamen der trije wiken yn koma, trije moannen sikehûs en in jier fan operaasjes. Hja klaude wer by de wâl op, fûn in nije man en krige in tige winske famke, dat hja neamde nei de preesteres út it boek 'Zij en Ayesha' fan Rider Haggard. Assen, jannewaris 1995 Y. Houkes-Winter Anke Houkes, 1950-1982. Op 24 des. 1971 fol moed de lange hieryn. Seis wiken letter wie de dream út. 7 Kertiersteat I 1 Ankje Aaltje Houkes, berne Noardwâlde 12 aug. 1950, kokkinne, wen- ne te Noardwâlde, Lunteren, Ede en Huissen, stoarn dêr 3 maaie 1982; tr. 1. Ede 24 des. 1971 William Harry van der Blij, berne Ede 10 aug. 1946, boekhâlder, wenne te Ede, stoarn Barneveld 5 febr. 1972; tr. 2. Ede 22 nov. 1973 (skieden Arnhem 30 jann. 1980) Jacobus Jan Spelt, berne Ede 16 des. 1951, trucker, wenne te Ede en Huissen. Bern: Ayesha 1974. II 2 Hendrik Houkes, berne Haulerwyk 8 okt. 1912, lyts ûndernimmer, wenne te Noardwâlde, Lunteren en Assen; tr. Vledder 17 okt. 1941 3 Ynske Winter, berne Zevenhuizen 20 maart 1920, amateur-sneuper. Bern: Johannes 1942, Gooitzen 1943, Henk 1946, Ankje Aaltje (sj. 1), Ali 1954. III 4 Johannes Houkes, berne Haulerwyk 14 des. 1881, lyts boer te Hauler wyk, stoarn Drachten 17 juny 1966; tr. Eaststellingwerf 9 des. 1904 Johannes Houkes, 1881-1966, en Aaltje Blaauw, 1883-1927. Nei't Aaltsjeyn april 1927 weirekke wie, is mei twa losse foto's dit pear by inoar brocht. 5 Aaltje Blaauw, berne Haulerwyk 29 sept. 1883, skroarske, stoarn Hauler- wyk 11 april 1927. Bern: Luitzen 1905, Tiete 1907, Theunis 1909, Roelfi- na, 1910, Hendrik (sj. 2). 8 6 Gooitzen Winter, berne Haulerwyk 5 nov. 1896, gemeentewurker, stoarn Bakkefean 29 okt 1991. Heit wie yn de jierren tweintich en tritich tige warber foar Pleatslik Be lang yn syn wenplak, spile mei yn 'e oprjochting fan 'e Bakkefeanster Boerenleenbank, focht mei foar steatspensioen en yn it Lânarbeidersbûn. Meastal as foarsitter; hy wie tige op 'e hichte fan doel en belang, koe dat ek goed ûnder wurden bringe. Yn dy tiid moasten der ek al faak papieren ynfolle wurde en kamen der in protte minsken by him thús om derby hol pen te wurden. Heit gie, as it wêze moast, nei de boargemaster sels om foar de belangen fan de arbeiders op te kommen. As lânarbeider yn it grutte leger fan wurkleazen yn dy tiid, krìge hy de bynamme 'boargemas ter fan 'e Mieuwmar', om't syn bern, ek de dochters, nei de Mulo yn Drachten stjoerd waarden om te learen en net nei de boer hoechden, lykas wenst wie. Neat gjin stúdzjebeurs of bernetaslach; hurde krapte wie dit foar heit en mem! Wy as bern kinne foar dy káns nea tankber genôch wêze; tr. Opsterlân 8 jann. 1920 8 jannewaris 1990: 70jier troud! Yn 'e droktefan in sealfolfamylje en kunde ek noch leafde- folle oandachtfoar inoar. Der soenen, op 40 dagen nei, noch twajier by komme. 7 Ankje Wolters, berne Broeksterwâld 11 jann. 1901, wennet te Bakkefe an (1995). Bern: Ynske (sj. 3), Jantje 1922, Dirkje 1924, Bontje 1926, Jo- hannes 1930. Doe't yn 'e jierren tritich de folkshegeskoalle yn Bakkefean oprjochte waard en it buerthûswurk mei al syn kursussen foar de ûntjouwing fan 'e omkriten opset waard, hie mem dêr tige har oanpart yn. Nei de oarloch it- selde by it opsetten fan in húshâldskoalle en de gesinssoarch. Foar de skiednis en de ûntjouwing fan de streek om Bakkefean hìnne, dêr't hja al mear as santich jier wennet, hat hja altyd in grutte belangstelling hân. Al les is yn har 'ûnthâld-kompjûter' opslein en wa't wat oer it âlde Bakke fean witte wol, wurdt nei beppe Winter stjoerd. 9 IV Luitzen Hendriks Houkes, berne Haulerwyk 10 sept. 1852, arbeider, stoam Haulerwyk 23 aug. 1888; tr. Eaststellingwerf 5 april 1877 Grietje Johannes van der Brug, berne Haulerwyk 16 okt. 1856, stoarn dêr 28 febr. 1903. Bern: Hendrikje 1877, Jantje 1879, Johannes (sj. 4), Jantje 1884, Grietje 1885, Theunis 1887; tr. 2. Eaststellingwerf 13 febr. 1891 Jan Willems Bergsma, berne Haulerwyk 15 aug. 1859, arbeider, stoarn Haulerwyk 12 febr. 1898, soan fan Willem Hanzes Bergsma en Janke Willems Glas; fjouwer bern. Tiete Hendriks Blaauw, berne Haulerwyk 5 july 1844, boer dêr, stoarn Haulerwyk 19 july 1894; tr. Eaststellingwerf 9 april 1868 Roelojke Sjoerds van der Velde, 1842-1918. In slim skansearre negatyfút in âlde rommeldoaze levere by de fotograaf dizze foto fan beppe Roelke op. 11 Roelofje Sjoerds van der Velde, berne Haulerwyk 10 des. 1842, boerinne dêr, stoarn Grins 19 july 1918. Bern: Martje 1869, Geeske 1871, Hendrik 1874, Sjoerd 1876, Aaltje 1878, Albert 1881, Aaltje (sj. 5). 12 Johannes Hendriks Winter, berne De Wylp 16 des. 1871, arbeider te Sigerswâld, stoarn Tytsjerk 25 maart 1959; tr. Eaststellingwerf 11 aug. 1896 13 Jantje Gooitzens van Wijk, berne Haulerwyk 26 okt. 1879, stoarn Sigers wâld 12 febr. 1944. Bern: Gooitzen (sj. 6), Janke 1899, Aaltje 1901, Aal tje 1904, Hendrikje 1906, Bontje 1908, Koenraad 1911, Iebele 1915, Michiel 1919. 10 Twaris jjouwer geslachten yn ien húshâlding, maityd 1954. Gooitzen Winter, 1953; Johannes Winter, 1930; Gooitzen Winter, 1896-1991; Johannes Hendriks Winter, 1871-1959. Ankje Houkes, 1950-1982; Ynskje Houkes-Winter, 1920; Ankje Winter-Wolters, 1901; Ynskje Wolters-Monsma, 1880-1963. 14 Dirk Eelkes Wolters, berne Broeksterwâld 25 maaie 1878, lyts boer, wen- ne te Ikkerwâld, Lichtaard, Zevenhuizen en Zwartemeer, stoarn dêr 30 des. 1971. Dirk wie yn syn jonge jierren terpgraver, woe leafst alles witte oer wat hy mei nei hoppen helle. Soe der ek graach wat fan foor himsels halden ha, mar krekt de minsken dy't him der wat oer fertelle koenen, moasten alles meinimme foar museums en sa; tr. Dantumadiel 26 maaie 1900 15 Ynskje Sytses Monsma, berne Ikkerwâld 6 jann. 1880, stoarn Zeven huizen 1 nov. 1963. Bern: Ankje (sj. 7), Eelke 1903, Sietse 1905, Sikke 1908, Jacob 1910, Akke 1912, Dirk 1914, Trijntje 1916, Feikje 1919, Ant- je 1921, Eelkje 1925. V 16 Hendrik Luitzens Houkes, berne Haulerwyk 31 jann. 1827, arbeider dêre, stoarn Haulerwyk 3 aug. 1875; tr. Eaststellingwerf 20 aug. 1851 17 Grietje Koenes Veenstra, berne Haulerwyk 9 okt. 1826, stoarn dêr 19 des. 1879. Bern: Luitzen (sj. 8), Koene 1855, Aaltje 1859. 18 Johannes Theunis van der Brug, berne Haulerwyk 16 okt. 1830, arbei der te Haulerwyk, stoarn dêr 5 des. 1870; tr. Eaststellingwerf 26 maart 1851 19 Jantje Alberts Aardema, berne Bakkefean 1 juny 1828, stoarn dêr 22 juny 1914. Bern: Lamke 1851, Lemke 1854, Grietje (sj. 9), Theunis 1859, Al- bertje 1863, Lemke 1866. 20 Hendrik Tydes Blaauw, berne Donkerbroek 4 nov. 1802, arbeider te Hau- 11 lerwyk, stoarn dêr 20 july 1878; tr. Eaststellingwerf 26 des. 1830 21 Maartje Egberts Tiel, beme Haulerwyk 13 juny 1800, stoarn dêr 19 des. 1868. Bern: Anne 1830, Wimke 1832, Aaltje 1834, Albert 1837, Jantje 1841,Tiete(sj. 10). 22 Sjoerd Stevens van der Velde, berne Drachten 6 jann. 1819, skipper te Haulerwyk, stoarn dêr 5 sept. 1898; tr. Eaststellingwerf 10 april 1842 23 Geesje Sytses Wildschut, berne Zevenhuizen 10 des. 1816, stoarn Hauler wyk 22 april 1888. Bern: Roelofje (sj. 11), Sytze 1842, Steven 1846, Ebel- tje 1849, Sieger 1852, Ienske 1856, Martje 1860. 24 Hendrik Winter, berne Aduard 4 febr. 1839, wettige by it houlik fan syn âlden, arbeider yn De Wylp, stoarn dêr 19 july 1877; tr. De Like 28 april 1866 25 Janke Michiels de Vries, berne Mearum 26 des. 1841, stoarn De Wylp 21 des. 1891. Bern: Koenraad 1867, Michiel 1869, Johannes (sj. 12), Jan 1873, Jurjen 1875, Hendrik 1877. 26 Gooitzen Jacobs van Wijk, berne Haulerwyk 20 nov. 1821, feanarbei- der te Haulerwyk, stoarn dêr 29 sept. 1895; tr. 1. Eaststellingwerf 1 okt. 1845 Janke Gjalts Veenstra, berne Haulerwyk 7 maart 1823, stoarn Haulerwyk 13 aug. 1857, dochter fan Gjalt Wiebes Veenstra en Aukje Jans de Vries. Bern: Aaltje 1845, Gjalt 1848, Jacob 1853, Hendrik 1857; tr. 2. Eaststellingwerf 22 april 1858 27 Aaltje Ebeles van Wijk, berne Haulerwyk 16 maaie 1833, wenne dêr, stoarn Wâldsein 4 july 1897.