Tytsjerksteradiel.Fnp.Frl Mei ’K Wol Oer!
Total Page:16
File Type:pdf, Size:1020Kb
STIM LIST 2 tytsjerksteradiel.fnp.frl mei ’k wol oer! De FNP hat foar de kommende riedsperioade (2018-2022) in ferkiezingsprogam opsteld mei as titel: FNP mei ’k wol oer! Wêrom is dizze namme keazen? De FNP giet út fan dizze It antwurd op dy fraach is net sa dreech, want der binne in hiel soad minsken dy’t wol oer de FNP meie en dat kinne allinne mar mear wurde omdat de FNP: 7 kearnwearden: • tichteby de minsken stiet • Demokrasy • in oplossing siket dy’t deunby de oarsaak leit • de krêft út de mienskip hellet • Federalisme • fynt dat it eigene mear oansprekt as wat fan fier komt • betrouwen hat yn de eigen (Fryske) aard fan minsken, wiken en doarpen • Ynternasjonalisme Mei wol oer ús - ‘like’ ús - en bliuw sa op ’e hichte fan ús • Taal en Kultuer program, de spearpunten, ús ferkiezingskampanje en it lêste nijs yn de oanrin ta de gemeenteriedsferkiezingen • Undernimmerssin fan 21 maart 2018! • Solidariteit facebook.com/fnptytsjerksteradiel • www.tytsjerksteradiel.fnp.frl • Duorsumens Miriam van der Veen en Wijbe Postma sizze: “It behâld fan leefberens yn àl ús doarpen, de soarch foar it Frysk, ús kultuer en lânskip betrouwe wy graach ta oan de kandidaten op de FNP-list” Piet Reitsma 1. Ik bin widner en 67 jier. Ik haw yn ’e hannel sitten as selsstannich ûndernimmer. Sûnt 1989 FNP-lid en sit fan 2010 ôf yn de ried, bin fraksjefoarsitter mei jildsaken en ynfrastruktuer yn ’e portefúlje. Folksfertsjintwurdiger wêze is prachtich wurk: in útdaging, omdat it by de ynwenners weikomme moat. Demokrasy - De macht fan it folk oer de oerheid is fan it folk! De minsken moatte behelle wurde by it iepenbier bestjoer. It Right to Challenge, de kanteling jout de útdaging oan ús ynwenners om mei breed droegen inisjativen te kommen. Rommert Dijk 2. Ik bin troud en wy wenje mei nocht en wille yn Burgum. Ik wie tsien jier ûnderwizer yn Burgum, dêrnei direkteur fan de Oppedykskoalle en sûnt 1997 fan CBS De Winde, beide yn Hurdegaryp. Sûnt 2014 riedslid foar de FNP mei ekonomy, folkshúsfêsting en romtlike oardering yn ’e portefúlje. Federalisme - Us gemeente hat bestjoerskrêft genôch om selsstannich te bliuwen. Us gearwurking mei Achtkarspelen makket útfiering fan taken doelmjittiger en goedkeaper. Us ynwenners moatte sels sizzenskip en ferantwurdlikens hâlde oer saken as soarch, mobiliteit, wenjen en wenomjouwing en ûnderwiis. Wy stypje mienskiplike inisjativen ‘fan ûnderen op’. Freddy de Haan 3. Ik bin in Wâldpyk en wenje yn Burgum. Riedslid sûnt 2014 en bin ferpleechkundige by GGZ. Dêrneist al 21 jier by Definsje as Natresmilitêr en fakbûnsbestjoerslid. Sûnt 1993 gelokkich troud mei Mirjam fan de Trekpleister yn Burgum. Wy hawwe 2 bern, Joffrey en Nikita. Ynternasjonalisme - Us gemeente is ûnderdiel fan Nederlân, Europa en de wrâld, De FNP set har yn foar (ynter)nasjonale kontakten (EFA en OSF). Wy wolle net opgean yn in grut gehiel, mar gearwurkje. Dêr stean wy foar. Wy sykje, mei respekt foar inoar, nei wat minsken bynt. mei ’k wol oer! STIM - LIST 2 Tjikke Krijgsman 4. Ik bin 56 jier en wenje yn Gytsjerk, haw twa bern: in dochter (Hurdegaryp) en in soan (Amsterdam). En ik bin beppe fan twa famkes. Ik haw wurke yn ’e âldereinsoarch. No haw ik in medyske pedikuerepraktyk. As frijwilliger bin ik aktyf yn û.o. Mienskipsrie, Doarpsbelang en doarpskrante. Taal en Kultuer - Nederlân is meartalich. It Frysk is ús twadde rykstaal. Taal is mear as allinnich kommunisearje: it is in kultuerdrager. Ik fyn dat weardefol, want jo fine josels deryn werom. Dêrom ek de muoite wurdich om dat út te dragen yn bgl. in keunstrûte of iepenloftspul. Alex Nijboer 5. Ik wenje al sa’n 20 jier mei Klaske op Sumarreheide. Myn brea fertsjinje ik as rayonmanager yn ‘e skjinmakkerij. De bern binne de doar út, dus haw ik no mear frije tiid. De Fryske taal en kultuer lizze my nei oan it hert, dêrom myn kandidatuer foar de FNP. Undernimmerssin - Yn ús gemeente hawwe lytsskalige rekreaasjefoarsjenningen de foarkar. De FNP stiet netwurkfoarming op dit mêd foar. Bedriuwsterrein Garyp-Noard moat ûntwikkele wurde. Wetterbûne bedriuwen kinne nei Skûlenboarch/Westkern: leit oan in klasse-5A farrûte (PM-kanaal). Gearwurking mei Achtkarspelen is hjirby wichtich. De FNP wol ûndernimmers de kâns jaan om harren talinten te ûntwikkeljen. Jan Pieter van der Velde 6. Ik bin 34 jier en wenje mei myn freondinne yn Ryptsjerk. Dêr bin ik ek as ûndernimmer wurksum. Earder haw ik goed sân jier op in akkountantskantoar wurke en twa jier by it MCL yn Ljouwert. En no mei in soad nocht kandidaat-riedslid foar de FNP. Solidariteit - Solidariteit tusken ryk en earm, sûn en siik, jong en âld is needsaaklik foar ús wolwêzen. Dêrom stipet de FNP it behâld fan moetingsplakken lykas sportsealen, doarpshuzen en swimbaden. Op dizze plakken ûntstiet solidariteit en respekt foar inoar. Sa kinne wy inoar fersterkje. Elk hat wat te bieden! Tabe Paul Wolters 7. Ik bin 29 jier âld en wenje yn it moaie Oentsjerk. Ik studearre Bestjoerskunde, en Oerheidsmanagement en Yntegrale Feiligheid oan ’e Thorbecke Academy yn Ljouwert. Ik sjoch mei nocht út nei in plakje yn ’e gemeenteried. Duorsumens - De FNP fynt dat hoeden omgien wurde moat mei mienskip, lânskip en miljeu. Wy wolle in sûne wrâld neilitte oan kommende generaasjes. Dit betsjut: stean foar de beskerming fan ús lânskipsstruktuer; gjin grutte frachtskippen troch Nasjonaal Park De Alde Feanen en dat wy in duorsume sirkulêre ekonomy foarstean. De FNP oer ‘De Warren’: Wentebou oan ’e westkant fan ’e Sintrale As hâldt yn dat: • it iepen lânskip opoffere wurdt; • dy nije wyk bestean sil út djoere huzen op grutte kavels à la ‘Blitsaerd’; • de bou fan dy 300 huzen de nijbou yn alle oare doarpen blokkearret; • de boumooglikheden oan ‘e doarpskant fan ’e Sintrale As net benutte bliuwe; • it ferkear op ’e Prins Bernhardstrjitte, as iennige tagongswei, tanimme sil; • Tytsjerk en Suwâld belêst wurde mei tanimmend ferkear; • Burgum wer opdield wurdt yn twa parten, dus... Hâld Burgum Hiel! Us kandidatelist Kom foar jo kar út en plak dizze struibrief foar it rút! 1 Piet Reitsma Oentsjerk 2 Rommert Dijk Burgum 3 Freddy de Haan Burgum De FNP is een partij die dicht bij de mensen staat. Daarom gebruiken wij ook de taal die de mensen in 4 Tjikke Krijgsman Gytsjerk deze provincie spreken. Eigen en vertrouwd. De FNP is als eerste lokale/provinciale partij opgericht in 1962. In 5 Alex Nijboer Sumarreheide de raad van Tytsjerksteradiel is de FNP al bijna 50 jaar 6 Jan Pieter v/d Velde Ryptsjerk vertegenwoordigd. De steunfractie wordt gevormd door mensen uit alle delen van onze gemeente. De FNP heeft 7 Tabe Paul Wolters Oentsjerk veel contacten met de dorpsbelangen. Hierin is heel veel kennis aanwezig waar de FNP graag zijn voordeel mee 8 Sytze Kobus Earnewâld doet. Met andere woorden: de FNP is geworteld in de 9 Jan v/d Kooi Ryptsjerk samenleving van Tytsjerksteradiel. 10 Tea A. Westra-van Gorkum Aldtsjerk De FNP zet zich met name in voor: • de Friese taal en kultuur - een goede 11 Wytske Baars-Stienstra Hurdegaryp bibliotheekvoorziening is een basisvoorwaarde. 12 Seije Brinkman Jistrum/Sk’boarch • woningbouw - ook in de kleine dorpen voor jong en oud; in Burgum is er voldoende ruimte voor bouwen aan de 13 Harry J. van Borkulo Hurdegaryp oostkant van de Sintr. As: Burgum één geheel. • ideeën van onze jongeren serieus nemen en trachten te 14 Piet J. Herrema Sumar faciliteren. 15 Gerryt G. Jullens Gytsjerk • goed onderwijs - inzetten op kwalitatief sterke scholen op basis fan draagvlak en spreiding; het aantal 16 Rena A. Wagenaar-Duursma Tytsjerk drietalige scholen moet uitgebreid worden. • een goed sociaal beleid - het ruimhartige gemeentelijke 17 Hindrik B. Wester Earnewâld sociale beleid voortzetten. 18 Geerling Schippers Burgum • behoud van onze landschapstypen: maat en schaal toepassen in de bebouwing van het buitengebied. • aandacht voor de leefbaarheid: bestaande voorzieningen trachten te behouden. • goede sportvoorzieningen die optimaal gebruikt Wolle jo ek mear ynfloed? worden; onze zwembaden open houden en STIM FNP LIST 2 schoolzwemmen terug. • onze economie, dienstverlening en bedrijvigheid - Of noch better: wurd lid bedrijventerrein Skûlenboarch geschikt maken voor watergebonden bedrijvigheid. en bestjoer aktyf mei! • adequate samenwerking met buurgemeenten, met name Achtkarspelen en geen fusie. De minimumkontribúsje is € 24,50 yn ’t jier. • betaalbaar beleid: verhoging OZB is niet nodig. Foar húsgenoaten (it 2e lid yn ien gesin) en leden jonger as 27 jier • gebruikmaken van de kracht van de eigen (dorps-) jildt in minimumbydrage fan € 13,- yn’t jier. gemeenschap: van onderen op. ❑ Ik wurd lid fan de FNP Tot zover enkele punten uit het programma voor ❑ Ik wurd lid en bin 2e lid yn in húshâlding of jonger as 27 jier 2018-2022. Het volledige programma is te lezen op ❑ Ik wol graach mear ynformaasje oer de FNP www.tytsjerksteradiel.fnp.frl Ook veel niet-Friessprekenden stemmen op de FNP Namme ..................................................... omdat onze partij de meeste kennis van de mensen, de woonomgeving, de cultuur en de (landschaps-) Bertedatum ................................................. structuur in onze gemeente heeft. Adres ...................................................... Bent u het hiermee eens? Stem dan ook 21 maart FNP lijst 2. Postkoade en wenplak ....................................... Telefoan .................................................... Utjefte: FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel E-post ...................................................... Skriuwer: Wytske Baars - Koaikamp 52, 9254 EM Hurdegaryp 0511 - 47 53 47 - [email protected] Opstjoere nei: Koaikamp 52, 9254 EM Hurdegaryp, of fia de e-post: [email protected] Maart 2018.