Genealogysk Jierboek 1991

Genealogysk Jierboek 1991

GENEALOGYSK JIERBOEK 1991 ûnder redaksje fan Ype Brouwers, Reid van der Ley, Douwe J. van der Meer, Pieter Nieuwland en Hein Walsweer Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy Ljouwert, 1991 Nr. 736 © Fryske Akademy - Ljouwert/Leeuwarden CIP-GEGEVENS KONINKLIJKE BIBLIOTHEEK, DEN HAAG Genealogysk Jierboek 1991 / ûnder redaksje fan Ype Brouwers ... [et al.]. - Ljouwert [Leeuwarden]: Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. - Yll. - (Fryske Akademy; nr. 736) ISBN 90-6171-736-1 SISO 902.5 UDC 929.5(492.71) NUGI 647 Trefw.: genealogie; Friesland. Printe by Grafysk Bedriuw 'Fedde Dykstra B.V.', Ljouwert. Fan dit boek mei neat fermannichfâldige en/of iepenbier makke wurde troch printsjen, fotokopiearjen, it meitsjen fan mikrofilm of op hokker oare wize dan ek, sûnder dat de útjouwer yn 't foar syn tastimming jûn hat. YNHALD side K.P. de Boer Seis generaasjes Holtrop 7 Jacob van Sluis en D.J. van der Meer Het geslacht Hemsterhuis 30 Petronella J.C. Elema en Rijpema, een Fries-Groningse familie 45 Reid van der Ley Dr. ir. Johan Genealogie Roorda - P.N.L. van Eysinga Roorda van Eysinga 80 Melle Koopmans, Garypster Wiarda's, Reid van der Ley en neiteam en komôf 114 Hein Walsweer D.J. van der Meer Lijst van dorpen en steden (1701-1706) 139 Reid van der Ley Friezen in Groningen (1739-1762) 148 Fryske Rie foar Heraldyk Wapenregistratie 170 SEIS GENERAASJES HOLTROP Doe't ik in jiermennich lyn by famyljeûndersyk ûntduts, dat de frou fan myn rjochtstreekse foarfaar Egbert Meines in Holtrop wie, krige ik omtinken foar dizze fa- mylje. Ik ha der mei nocht oan arbeide om de tûken út Grinslân en Fryslân, dy't ta de- selde famylje hearre. te ferbinen en werom te bringen ta de stamfaar Bernardus Holtrup. De fraach, wêr't dizze Bernardus Holtrup weikomt, stiet noch iepen. De oantsjutting Monasteriensis' wiist nei Munsterlân. Op kaarten fan de omkriten fan Munster binne trije buorskippen Holtrup te finen, by Sendenhorst, by Freckenhorst en by Senden. It soe wêze kinne, dat yn ien fan dizze plakken de jongesjierren lizze fan ús Bernardus Hol­ trup. De buorskip Holtrup tusken Sendenhorst en Hoetmar is allinne bewarre bleaun yn de namme fan in bushalte "Holtrup-Ruthmann". En tusken Freckenhorst en Westkir- chen kinne jo út de bus stappe by in halte "Gr. Holtrup". Dat is by in pleats mei in tige âlde byskuorre, dêr't yn in dwersbalke de nammen ynsnien steane fan Gerhardus en Anna Elisabeth, dy't troud binne op 20 april 1734. Sy ha beide "genannt (neamd) Holtrup" as twadde achternamme, natuerlik ôflaat fan de pleats Holtrup, dêr't sy wen­ nen. By Senden leit in buorskip Holtrup en ien fan de pleatsen dêr (nû. 16) is de pleats Holtrup, dy't oant likernôch 1843 noch troch in Holtrup bewenne waard. Dit sil ek de "Hof Holtrup" yn Senden wêze, wêrfan't de pachter yn 1604 neamd wurdt yn in proses foar it Reichskammergericht.2 Yn in adellike famylje Holtrop út Munsterlân sjogge wy deselde nammen as by de bern fan ds Bernardus. Mar oft dat eat seit oer it komôf fan ús Holtrops? Dûmny's en skoalmasters kamen ornaris net út adellike famyljes. It wol my mear oan, dat Bernardus in gewoane doarpsman west hat, dy't yn Grinslân en Fryslân in nije takomst socht hat. Yngeand ûndersyk yn de Munsterske argiven kin mis- kien nochris hwat opsmite. Yn it ferline hawwe in tal betûfte genealogen (Heerma van Voss, Osinga, Roarda) dwaande west mei de Fryske Holtrops. Oan de Grinslânske Holtrops wie noch net sa- folle omtinken jûn. Osinga hat tocht, dat de Grinslânske Holtrops miskien ôfstamme fan Hendrik Jans Holtrup op 'e Sweach. Mar dizze Hendrik is âldfeint bleaun. De skuonmakker Hendrik Bernardus Holtrup is de foarfaar fan de Grinslânske Holtrops. Ik ha yn dit artikel fierderboud op de grûnslaggen fan de earder neamde genealogen. Fan in tal fan harren fynsten ha ik gjin boarne fine kinnen. Dat is yn de noaten ferwurke. Der bliuwe lykwols trije riedsels oer. Twa dêrfan ha ik mei in fraachteken yn de genea- logy opnommen nammentlik Bernardus Rommerts, nû. IVa, en Froukje Eeltjes, nû. Vq. Der binne arguminten foar en tsjin de sa beskreaune filiaasjes te neamen. De saak mei Hendrik Hendriks Holtrop yn Easterwâlde leit der folie slimmer hinne. Ik ha him dêrom net by de genealogy Holtrop oansluten, mar achteryn as bylage beskreaun. Ik ha my yn dizze genealogy beheind ta de generaasjes foar 1811. Yn dy tiid waard de namme meastentiids as Holtrup skreaun, al kamen ek oare foarmen foar (van Hol­ trup, Holterop, Holtrupf)- Ik ha allinne immen mei de namme Holtrup neamd, as ik dy persoan minstens ien kear dêrmei fûn hie. Dizze genealogy is yn it frysk skreaun. Dat betsjut, dat fryske nammen brûkt binne foar de doarpen yn de Stellingwerven en ek foar de doarpen yn Grinslân, foarsafier't fryske nammen gongber binne. Foar dejingen dy't dat net witte: Mearum is Marum, Noardwyk is Noordwijk (Gr), Grinzer Pein is Opende, Nús is Nuis, Gruttegast is Groo- tegast, Lytsegast is Lutjegast, De Like is Leek, Roan (yn Drinte) is Roden. Foar in tal doarpen yn Grinslân is de Nederlânske namme brûkt, benammen ek om fersin foar te kommen: byg. Oldekerk is in oar doarp as Aldtsjerk. 7 Sa jou ik it no út hannen. Miskien kin dizze genealogy oaren oantrune fierder te syk- jen, wêr't ik gjin hâldfêst krije koe. Enschede, maaie 1991 K.P. de Boer I BERNARDUS HOLTRUP, ôfkomstich fan Munsterlân, berne ± 1600, stoarn Easter- wâlde 1673, skoalmaster en dûmny, tr. ANNA HEMELGAERT, stoarn tusken 21 maart 1671 en 13 sept. 1675.3 Bernardus Holtrup wie skoalmaster yn Ten Post-Wittewierum, 1621-1624. Hy begjint mei syn stúdzje oan de Grinzer universiteit, ynskreaun op 21 augustus 1620 as "Bernardus Holtrupff Monasteriensis adscriptus fisco gratis".4 Op 31 desimber 1624 is der in oare skoalmaster yn syn plak kommen. Hy sil dus yn 1624 as dûmny yn Easterwâlde begün wêze. Tusken 1633 en 1671 fûn ik him neamd yn de proklamaasjeboeken. De eerste kear dat er mei syn frou neamd wurdt, wie yn 1662, de léste kear mei syn frou wie yn 1771.s Ds Holtrup is in man fan "hoge ouderdom" yn 1657. Yn jannewaris 1664 is er blyn.6 Hy kin syn wurk net mear dwaan en kriget op 4 april fan dat jier emeritaat.7 Dêrnei bliuwt er as de "olde pastor Bernardus Holtruph"8 yn Easterwâlde wenjen. Yn 1675 wurdt der in hûs ferkocht, dat yn de Easterbuorren fan Easterwâlde stie. Fan de iene helte wurdt 8/9 part ferkocht. De dêr neamde ferkeapers binne de ûnder de nûmers 1 o.m. 8 neamde bern en f aden fan de bernsbern fan Bernardus Holtrup. Hoewol't syn namme net neamd wurdt, stiet it foar my fêst dat it hjir om it erfskip fan de olde pastor en syn frou giet." Ut dit houlik: 1. Gerardus Holtrup, folget ûnder Ha. 2. Harmen Holtrup, folget ûnder Ilb. 3. Berend Holtrup, folget ûnder lic. 4. Grietie Holtrup, tr. foar 1675'º Alt Arends, stoarn nei 18 maaie 1690, boer te De Fochtel. Yn 1683 wol Alt in part fan de pleats op de Fochtel keapje, dêr't er al wennet, mar it slagget net, om't de grytman it near der op leit. Yn 1690 wennet er der noch," mar hy wurdt nel neamd yn it stimkohier fan 1698. 5. Jan Holtrup, folget ûnder lid. 6. Hendrik Holtrup, folget ûnder He. 7. Styntie Bernardus Holtrup, folget ûnder Hf. 8. Elsien Bernardus Holtrup, folget ûnder Hg. 9. Trijntie Holtrup, stoarn foar 1678, tr. Geert Rommerts, stoarn foar 1678. Geert en Tryntsje wenje yn Sonnegea, se soene al troud wêze foar 1666.'2 Har part fan it hûsfan har âlden wurdt yn 1675 net mei ferkocht." Der moat yn 1678 in kura- tor oansteld wurde om it ûnreplik goed fan Tryntsje Holtrup silger yn dizze gritenij te "redden" "ten prof ij te" fan Pieter Pieters te Aldeholtpea en Egbert Roelfs te Rys- berkamp ûnder Boyl as kuratoaren oer de bern fan Jan Alberts en Trijntje Pieters fan- wege in skuld fan Tryntsje Holtrup oan dizze bern. De "naeste vrienden" Hendrik Holtrop, omkefan de wezen, en de omkes Jan Hendriks en Alt Arends binne net ree om kurator te wurden. No wurdt op 15 april 1678 sekretaris Laelius Swaga as kurator oansteld.'4 Ha GERARDUS HOLTRUP, stoarn Makkingea 19 jann. 1673, dûmny, soan fan I, tr. foar 31 maaie 165915 EEDE SWAGA, doopt Langwar 5 april 1629, stoarn Makkingea 18 des. 1672, dochter fan Tierk Swaga en Renskje Lycklama à Nijeholt.16 Gerardus Holtrup begjint syn stúdzje yn Grins yn 1648. Hy wurdt op 27 septimber 1648 ynskreaun as "Gerardus Holtrup Fris. Occident. Phil.".'7 Fan 1653 ôf oant syn ferstjer- ren is er dûmny yn Makkingea.'" Hy keapet besit yn de jierren 1659 oant en mei 1671. De tekst op de sark fan harren grêven yn de tsjerke fan Makkingea is noch te lézen, mar il op de stien steande wapen is tige ôfslìten. Syn bern komme ûnder fâdij (momberschap) fan harren omke Laelius Swaga.19 Ut dit houlik: 1. Lubbertus Holtrup, berne Makkingea 1662, stoarn Snits okt. 1689, theol. kandidaat. Lubbertus studearret earst yn Frjentsjer, dêr't er yn septimber 1679 ynskreaun wurdt as "Lubbertus Holtrup Sylvanus Theol".20 Trije jier letter giet er nei Grins, yn­ skreaun op 19 augustus 1682 as "Lubbertus Holtrup Sylvanus a 20 Theol. ".2I Hy wie dus 17 jier, doe't syn akademyske stúdzje begûn. Hy soe as theologysk kandidaat yn Snits stoarn wêze.22 2. Rensien Holtrup, folget ûnder lila. 3. Laelius Holtrup, folget ûnder Illb. 4.

View Full Text

Details

  • File Type
    pdf
  • Upload Time
    -
  • Content Languages
    English
  • Upload User
    Anonymous/Not logged-in
  • File Pages
    191 Page
  • File Size
    -

Download

Channel Download Status
Express Download Enable

Copyright

We respect the copyrights and intellectual property rights of all users. All uploaded documents are either original works of the uploader or authorized works of the rightful owners.

  • Not to be reproduced or distributed without explicit permission.
  • Not used for commercial purposes outside of approved use cases.
  • Not used to infringe on the rights of the original creators.
  • If you believe any content infringes your copyright, please contact us immediately.

Support

For help with questions, suggestions, or problems, please contact us