Oan it Kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert

Ljouwert, 15 augustus 2013

Oangeande: fragen yn it ramt fan kêst 41, lid 1 fan it reglemint fan oarder oer it no fêstlizzen fan de eveneminten kalinder 2014 ek foar noard.

Rju achte Kolleezje,

De FNP-fraksje hat kundskip nommen fan de lêste ferzje fan 'Op 'e hichte', dêr't de ynwenners fan dy gemeente mei ynformearre wurde troch it gemeentebestjoer. Sjoch http://www.boarnsterhim.nl/document.php?m=5&fileid=9609&f=96d08cd50c49a35908 80d280271bb936&attachment=1&c=11167

Us each foel op in artikel fan de kant fan de gemeente Ljouwert, dat nochal wat fragen by ús oprôp. Midden yn 'e fakânsje prestearret de gemeente Ljouwert it om ynwenners en organisaasjes yn Boarnsterhim twingend op te roppen om al foar 1 septimber al har eveneminten/aktiviteiten yn 2014 troch te jaan yn ferbân mei in saneamde 'aktiviteiten kalinder'.

De FNP-fraksje hat 4 beswieren. Punt 1, dat it midden yn de fakânsje oankundige wurdt (in soad minsken binne fuort!). Dêrneist de hiele koarte termyn (2 wiken) foardat de eveneminten trochjûn wurde moatte. Punt 3 it twingende en demotivearjende karakter ('Een van de veranderingen zal zijn dat u evenementen voor 2014 in voor 1 september aan moet melden'). It giet dêrby dus ek om aktiviteiten yn novimber of desimber 2014! En ta beslút, de grutte ûndúdlikens dy't dit stikje opropt. Giet it ek om karbidsjitten, de buert barbekjû, de merke?

Om koart te kriemen werklik in hannelwize dy't net stimulearjend oerkomt, earder burokratysk en ôfremjend. Yn it ramt fan it stimulearjen fan festivals en doarp- en wykaktiviteiten, it aktyf meidwaan fan minsken oan de mienskip en Kulturele Haadstêd 2018 komt ús dat hiel frjemd oer. It is ek net útnoegjend en wolkom nei ús nije ynwenners fan , , , Idaerd, , , , en .

Us fragen:

1. Is it Kolleezje it mei ús iens dat in oankundiging op 13 augustus oan ús nije ynwenners foar it melden fan eveneminten yn 2014, midden yn de fakânsje as in soad minsken fuort binne, net ferstannich is?

2. Binne jim it mei ús iens dat de termyn fan mar 18 dagen om de eveneminten troch te jaan fia de webside of fia in gearkomste op 26 augustus (13 dagen letter) yn de fakânsjetiid wol hiel koart is, omdat in soad minsken fuort binne mar ek om't men dizze omslachtige proseduere sa net wend is?

3. Is it Kolleezje it mei ús iens dat de oprop oan ynwenners en organisaasjes yn de doarpen fan Boarnsterhim in tige twingend en demotivearjend karakter hat? Hoe soe it Kolleezje der foar oer stean as de gemeente Ljouwert alle aktiviteiten dy't sy op priemmen hat yn 2014 al foar 1 septimber oan provinsje of Ryk melde moatte soe?

4. Is it Kolleezje it mei ús iens dat it stikje yn it artikel grutte ûndúdlikens oproppe kin? Bygelyks de fraach watfoar type evenemint no wol of net foar 1 septimber oanmeld wurde moat?

5. Binne jim ree om op hiele koarte termyn de ynwenners en organisaasjes yn Boarnsterhim op 'e nij oan te skriuwen, diskear nei de fakânsje, mei mear reaksjetiid, in dúdliker omskriuwing fan watfoar eveneminten it giet en ek dúdlik omskreaun dat nije aktiviteiten fansels altyd noch organisearre wurde kinne?

6. Is it Kolleezje ree om nei de weryndielings datum mei in nij belied stik foar eveneminten te kommen, dat minder burokratysk en ôfremjend is en mear klant freonlik en krekt stimulearjend is?

Mei rju achtinge,

Pier Tilma FNP-fraksje, 058 – 2169285 06-55708393 [email protected] www.fnp-ljouwert.