Trotwaer. Jaargang 32

bron Trotwaer. Jaargang 32. Koperative Utjowerij, Bolsward 2000

Zie voor verantwoording: https://www.dbnl.org/tekst/_tro005200001_01/colofon.php

Let op: werken die korter dan 140 jaar geleden verschenen zijn, kunnen auteursrechtelijk beschermd zijn. binnenkant voorplat

[Nummer 1]

Reaksjes binne wolkom Trotwaer hat foarich jier goed buorke, sawol wat de ynhâld as wat it tal abonnees oangiet. Wy hoopje dy stigende line fêst te hâlden - mei ferskaat èn kwaliteit. Yn dit nûmer û.o. de earste reaksjes op in útspraak fan arsjitekt Abe Bonnema oer it bouwen yn de Ljouwerter binnenstêd. Bydragen fan lêzers binne fan herten wolkom, ek oer oare ûnderwerpen. Graach sa gau mooglik nei it ferskinen fan dit nûmer (dat troch omstannichheden by de printer spitigernôch sa'n trije wiken te let ferskynt).

Trotwaer. Jaargang 32 *1

Register Trotwaer XXXII (2000)

De twaentritichste jiergong fan Trotwaer telde tsien nûmers. Dy stienen ûnder redaksje fan Sjoerd Bottema, Lolkje Hoekstra (o/m nr. 6), Jan Pieter Janzen (einredakteur), Jitske Kingma, Doeke Sijens en Henk van der Veer.

Fan 'e redaksje alle nûmers binnenkant omslach

Dwersreed

Bottema, Sjoerd Fryslân en de wrâld 453 Janzen, Jan Pieter Gjin promoasje 49 Trotwaer: mear 357 ferdivedaasje Kingma, Jitske It gedicht 261 Mail út Texas 309 Sijens, Doeke Alles is idelens 405 Veer, Henk van der Galbakje - Amicitia - Soap 1

Poëzij

Bangma, Jelle Slachtekwatryn 203 Berga, Wilco Doarp mei flaggen 388 Eilânliet 389 Liet fan in haven 106 Liet fan in sleat 107 Liet fan in winkelfaam 108

Trotwaer. Jaargang 32 Liet fan oaren 387 Bethlehem, Tine Skulp 318 Thúskomme yn it lânskip 318 Bok, Henk Slachtekwatryn 234 Boorsma, Pier In dei út it libben fan de 3 dichter j.h. leopold reedridend 407 Bruinja, Tsead ‘leave nimmen wit’ 319 Dam, Freark Op it Tynster tsjerkhou 359 Dotinga, Jan Slachtekwatryn 221 Feddema, Anne By it gréf fan Stravinsky 129 Holwerda, Frâns In favoryt fers aktualisearre 143 Ofmerke 455 Lont, Titia gemeentehuus 421 watertoren 420 Palstra, Sjoerd Slachtekwatryn 221 Peanstra, Tsjits Undertusken 328 Sapfo fan Lesbos (oers. Atze Keulen) Fersen 172 Schoorstra, Willem Dies irae 377 Har wiete lea foldien 51, 139 Hoansdagen 213 Inkeld dan dyn hûd 50

Trotwaer. Jaargang 32 Net earder as no 212 De see barnt 376 Sjongpaden yn dreamtiid 378 Slachtekwatryn 234 Sevenster, Simy Slachtekwatryn 203 Soepboer, Albertina Jus Municipale Frisonum 227 Hotel History 320 Spoelstra, Oene Slachtekwatryn 211 Wind, Harmen Foarbehâld 155 Reis 156 Wêzen 157 Wytstra, Baukje Gers 16 Stil 311

Proaza

Andringa, Greet It foartidich ferstjerren fan 71 Jabik Jorna Narcissus 463 Bok, Henk Ungelok 270 Brolsma, Ulke In swak hert 175 Kooistra, Douwe Turkije: Termessos 18 Piebenga, Meinou De lêste boat nei Hellesylt 369 Piebenga, Tjitte

Trotwaer. Jaargang 32 De njoggenskots 113 ‘Lit wêze wat wêze wol, it 331 komt dochs oars.’ Poortstra, Margryt Sintrifugaal 430 Salinger, J.D. (oers. Sikke Doele) In prachtdei foar 485 bananefisk

Trotwaer. Jaargang 32 *2

Under myn selsbreidene 379 klots kin ik har stim hearre (Albertina Soepboer, De stobbewylch) Riemersma, Tr. Altyd wat! De eangst foar it 449 epigoanisme Ferlettefoldoggers 105 Gjin boekefeest 41 De ideale middenposysje 93 De myte fan 'e 375 sprútsjelucht Wittenskip en ideology 183 Help, de emigranten 201 komme Snypsnaren. Besykjen ta in 135 analyze fan Piksjitten op Snyp. Twa kear itselde is ien kear 350 tefolle (Cor de Boer, Simmer 2000 Highlights) Sijens, Doeke Fertiisd yn rjocht en skuld. 4 By de hûndertste jierdei fan D.H. Kiestra De Jongfryske Mienskip. 214 As in ljochte en kleare brân, as in Maitiid foar Fryslân Moard yn Fryslân (Jo Smit, 347 Wês foarsichtich, Watse!; Frans en Tineke Steenmeijer, Moard yn it Provinsjehûs; Sietse de Vries, De dea fan Nico Dekema) Ypk en Iris - in dossier 437 revisited

Trotwaer. Jaargang 32 sikkema, pyt jon God fan 'e singel (Steven 391 H.P. de Jong, In spylman op it binnenpaad) Steenmeijer, Frans ‘It hie ek it buorfamke 202 wêze kind’ Sybrandy, Sybren Underweis nei Thabor 441 (Willem Tsjerkstra, Ridder fan Snits) Terpstra, Piter Diever en Jorwert, de 447 twadieling trochbrutsen Nyckle Haisma en Hylke 232 Speerstra: Belibjen en ynlibjen (Hylke Speerstra, It wrede paradys) Roorda: soms in idylle 301 (Bouke Oldenhof: Roorda) Tryater: no en dan in oare 191 regisseurskop? In kontroversjele 503 Tryaterproduksje (Brian Fiel, De gebedgenêzer) Veenbaas, Jabik Durk van der Ploeg, of de 158 fitaliteit fan de psychologyske roman Lof fan it oersetten 69 Veer, Henk van der Eppie Dam: taalkeunstner 408 yn Frysk berneboekelân Kophimmeljen op syn 293 Eurofryks (Bartle Laverman, Kophimmelje) Poeperdepoep dy Meindert 80 kin 't mar moai seze (Meindert Talma, Dammen met ome Hajo) Veltman, Elly

Trotwaer. Jaargang 32 Net ferfelend mar ek net 343 bysûnder (Sikke Doele, De Gouden Teeman) Wrakselje mei iensumens 395 (Oene Spoelstra, Kommen en gean) Vries, Geart de In satiryske tv-roman (Tr. 383 Riemersma, Sinleas geweld) Wal, Cornelis van der In grut dichterman? 345 (Tsjisse Hettema, It eachwyt fan de simpele rider) Westra, Liuwe H. Kâld, kâld! Waarm, 296 waarm! (Willem Abma, Te fûnling) Wind, Harmen Op in tinne tried lâns 123 (Tsjits Peanstra, Neierhân. Samle fersen) ‘Mei de brân is it ôfrûn’ 474 (Teije Brattinga, Dy ferrekte papen) Yedema, Piter De Fryske poëzij yn it lêst 263 fan de 20e ieu (1985-2000) Zee, Johan van der Orfeo yn Fryslân. In 499 needlanning fan de Hillige Geast

Petear

Bolleé, Henriëtte Jan Murk de Vries: hieltyd 95 yn beweging

Trotwaer. Jaargang 32 Kingma, Jitske Jacobus Knol: Elie Wiesel 184 kin it slimste sûnder drama op papier sette Tytsy Willemsma: It giet 228 net om it Frysk, mar it giet yn it Frysk Veer, Henk van der Josse de Haan: Literatuer 335 is myn libben, myn libben is literatuer Willem Abma: Distânsje is 469 foar my it biedwurd wurden

Trioel

Breuker, Pieter Trinus Riemersma: altyd 257 itselde Twa tagelyk: Tony en 353 Trinus Claus, Marga Paradise mei slagreamme 147 - oertinking fan in snein Sûnder mis yntelliginte 507 preken op it Aljemint Dam, Eppie Klap op klap 406 Dotinga, Jan Iepen brief oan Geart van 47 der Mear Feitsma, Tony Pieter Breuker en de 305 wittenskip Geest, Berber van der Grêf te Blauhûs 508 Haan, Josse de

Trotwaer. Jaargang 32 Frij-pik foar De Bik en 148 Ko? Selsmoard fan in kolumnist 101 Hoekstra, Eric Literatuer en engaazjemint 102 - oer Lolle Nauta en E.B. Folkertsma

Trotwaer. Jaargang 32 *3

Schoorstra, Willem Dien wurk 235 Wieren, Atze van Graf te Blauwhuis 422

Skôging, krityk en kommentaar

Aalsum, Sjoerd van De ferfilming fan De fûke 252 Bangma, Jelle Tsien jier Liet: tiid foar feroaring 249 Baron, Henry J. In diel fan myn libben en wêzen 210 Boomsma, Joop Rimpen loslitte as in skuor yn it bestean 87 (Margryt Poortstra, De Loads) Bottema, Sjoerd Doelleas pingelje (Nyk de Vries, Rezineknyn) 397 Fammeleed (Saakje Huisman, Losse hannen) 290 In freoneboek 140 (Omrop Fryslân/Under ien dak) Met geheven kin (Glad en wij ligt het ijs) 89 W.G. van de Hulst revisited (Sjoerd Kuyper, 479 Robin en God) Brans, Hans Orfeo Aqua: kunst voor natuurliefhebbers 303 Orfeus te water 243 Brolsma, Ulke Fryslân yn 'e efterútspegel 220 Brouwer, Liesbeth ‘It libben is goed’ (Lolle Nauta, Stasjonearre 56 yn Fryslân)

Trotwaer. Jaargang 32 Claus, Marga In subjektive ôfwiking. Geart Mak op 'e 450 boekemerk yn Jorwert Dam, Freark De oarlochsstikjes fan frou Rienks 109 Ekkers, Remco Op jacht en daarna (Eeltsje Hettinga, Akten fan 130 winter) Gezelle Meerburg, Babs Spegel fan in magysk-mytysk universum 483 (Jurjen van der Kooi, De nachtmerjefan Rawier) Gezels, Johan Hoog kunstgenot. Een Vlaamse impressie van 314 Simmer 2000 Groot, Pieter de Hâlden en kearen mei it Frysk yn de media 495 Hemminga, Piet De nachtmerje fan de FNP: Gina! Je was 222 geweldig! Tsjin de merkegeast. Lytse oprop oan de 279 bouhearen ûnder de Aldehou Hettinga, Eeltsje Nei bûten ta, de grinzen oer 65 Hodel, Rudy In memoriam Jopie Huisman (1922-2000) 443 Lode Pemmelaar, in relativearjende realist 195 Net fierder as de bûtenkant ( is... Tien 299 visies op Friesland) In twaddehâns boek oer Klaas Koopmans (Peter 505 Karstkarel, Klaas Koopmans) Hoekstra, Eric Anoreksia Nervosa en de Playboy of Gaston 360 Lachaise: in lyrikus as byldzjend keunstner De poêzy fan Garmant Nico Visser (80) 456 Hofstra, Cor

Trotwaer. Jaargang 32 In oangename balâns tusken tekst en muzyk 445 (Rients Gratama en Peter Sijbenga, Te land, ter zee en yn Tersoal) Jansma, Klaas Hoop doet Leven, myn? nijste boek 323 Rûntsjedraaie om ‘de pik’ (Josse de Haan, 36 Piksjitte op Snyp) Janzen, Jan Pieter Biten en brokken 42, 144, 277, 351 Fierder nei Frsk: Trotwaer in magazine? 153 Kingma, Jitske De skriuwer, it famke en de dea (Wilco Berga, 39 It krantefamke) Ludwig, Hannah Fine wy dit noch aardich? 315 Meer, Gerbrich van der Hoe 't de dea it libben wekker ropt (Tr. 83 Riemersma, Nei de klap) Meulen, Alida van der Jacobus Knol en Elie Wiesel, De kreaasje fan 365 de oersetter Meulen, Henk van der In boekje dat fral letterlik besjen lije kin (Pieter 400 H. Tauber & Frans A. Tauber e.o., De Provinciale Bibliotheek van Friesland, 40 jaar ontwerp- en Bouwgeschiedenis) Mous, Huub De Fryske pylgerreis 204 Nauta, Lolle Oer de dichter Douwe Tamminga 52 Nijdam, Oene W. Bysûndere mis út Snits (Snitser Kantorij, 193 Sûnder Mis/Lieten fan leafde) Piebenga, J. Driigjende ferearming, in foarsizzing út 1948 219

Trotwaer. Jaargang 32 P[iebenga], Meinou Tegels 15, 79, 122, 197, 285, 327, 390, 429, 462, 480 Piebenga, Meinou Fardau, in fjirde-ieus famke? (Akky van der 189 Veer, Kunera) Ploeg, Durk van der In dizenich ferhaal troch poëzij oerwoekere 286 (Aggie van der Meer, De stêd, it bist, de ingel. Balladeske) Skriuwe mei in fiktyf aliby 27 Te wier om moai te wêzen (Jan Dotinga, De 288 stilte is fol rûn)

Trotwaer. Jaargang 32 *4

Jansma, Klaas Hege literatuerridder 198 Trinus Jong, Folkert de Bob Dylan net, Meindert 509 Talma wol yn 'e prizen? Meulen, Henk van der De ferbylding moat oan 'e 47 macht Riemersma, Tr. Anty-Fryske sentiminten? 403 Graach wat mear 307 dúdlikheid Ja, op sa'n foet (En dan in 305 houten) ‘Naturalisme in 354 psychologicis’ Scholten, Koop C. Gjin poat om op te stean 259 ‘Mear dúdlikheid’ 402 Veenbaas, Jabik Riemersma is hingjen 402 bleaun Yedema, Piter Fokkema 510

Oebele Naneur

Riemersma, Tr. De macht fan de literatuer 442 Oebele Naneur 396

Trotwaer. Jaargang 32 Omfreegjen

De fûke: it boek sloopt foar de film? Steenmeijer, Tineke 256 tappers, immy 171 Vries, Geart de 194 De Ljouwerter binnenstêd omheech? Biesebeek, Henk te 94 Haan, Peter de 26 Hemminga, Piet 25 Hofstra, Rein 64 Holwerda, Frâns 26 Joustra, Wio 92 Liemburg, Johanneke 70 Oppewal, Teake 112 Tonen, Gerard 63 Willemsma, Ids 78 Simmer 2000: in feestje foar ússels? Hart, Kees 't 342 Hartkamp, Siebold 313 Hoekstra, Eric 310 Hofstee, Klazina 313 Hofstra, Cor 349 Hoogendijk, Hans 326 Kuiper, Yme 312 Winters, Willem 344 Skriuwe en net achteromsjen? Burg, Pieter van den 482 Claus, Marga 478 Hoekstra, Eric 468 Schoorstra, Willem 504 Vries, Douwe de 502

Trotwaer. Jaargang 32 Meiwurkers

48, 104, 152, 260, 200, 308, 356, 404, 452, 512

Nije útjeften

151, 199, 260, 404, 511

Trotwaer. Jaargang 32 1

Dwersreed Henk van der Veer

Galbakje

It galbakje is ien fan de aardichste rubrykjes yn De frats, de teaterkrante fan de Fryske Amateur Teater Skoalle. Bertus Klazinga hat it bakje yn it jannewarisnûmer fan dit nije milennium knap folspuid. Kearn fan Bertus syn galspuierij is dat de kranten en tydskriften yn Fryslân amper omtinken jouwe oan toanielwurk: ‘Nee, romans, novellen en - net te ferjitten - dichtwurk!, dêr giet it om yn ús lytse, beheinde skriuwerswrâldsje. Wurdt der in farske Fryske dichtbondel fan - doch ris in goai - 20 siden, oer it stek fan de tydskrift- of krante-reservaten smiten, dan falle de resinsjeliuwen der begearich en hongerich op oan. Op elk wurd en letter wurdt smaaklik omkôge en as alles troch mage en terms fertard is, wurdt de keutel lein en is it de lêzer dy't der oan rûke kin. Dyselde organyske wei geane alle oare nij útkommen “literêre” keunststikjes. Mar op toanielwurk wurdt absolút gjin bek setten. Oan dat foer sit foar de liuwen in frjemde rook en smaak. It koe wol oer datum wêze.’ Bertus jonge, do hast gelyk, do hast folslein gelyk! ‘Yn Fryslân wurdt in toanielstik net ynhâldlik analysearre en dus op syn merites beoardiele’, sa stelsto yn De frats. Hawar, wij binne de minsten net en freegje dij minlik om ús de adressen en telefoannûmers troch te jaan fan de analytisy dy't toanielwurk foar ús op 'e hispel nimme wolle. Meist sels ek wol, enne... it hoecht fansels net om 'e nocht. Watte, it Frysk toaniel (is dat trouwens itselde as toaniel yn it Frysk, Bertus?) moat út 'e pielerijhoeke: forza!

Amicitia

In Sneek wil ut noch altyd nyt su goëd lope met ut teaterbesoek. Mar ut sal anders at ut an teaterdirekteur Hans Wijnstok leit: ‘We hebben er alles aan gedaan om de sfeer te verbeteren. Warmere inrichting, comfortabelere stoelen en vriendelijker personeel’, su laat hear Wijnstok in un interview de lezers fan ut Sneeker Nieuwsblad (28.12.99) wete. Mar met ‘image’-verbetering alliennech komme je der fanself nyt. Der mut mear gebeure om al dy Sneker kultuerbarbaren naar ut teater te trekken. Dêrom un spektakulêr idee bedocht: ‘Een aantal bekende Nederlandse artiesten (“categorie Tineke Schouten”) gebruikt Amicitia als oefenruimte en geeft ter compensatie een gratis voorstelling als wij zorgen dat er publiek aanwezig is.’ Ferders noch feranderingen? ‘Naast de bekende Nederlanders hebben ook twee commerciële televisiestations contact opgenomen over het verschaffen van oefen- en uitzendruimte.’ ‘En’, su orakelt hear Wijnstok un eindsje ferderop in ut fraachgesprekje, ‘andere toekomstplannen zijn zomertheateractiviteiten en een jazzfestival.’ Mar wie mut dat allemaal betale Wijnstok? ‘De Hoofdsponsor’! Hearehitskes, kik-ke-mako, dat dy domme Snekers dêr nau nyt earder an docht hadden. En wie mag dat dan wel nyt weze, dy ‘Hoofdsponsor’? ‘Dat verklap ik lekker nog niet, maar

Trotwaer. Jaargang 32 door het aantrekken van een hoofdsponsor wordt zelfs de naam van het theater veranderd!’ Wat sêge jou nau Wijnstok?? De naam ‘Amicitia’ ferwynt fan de Sneker skouburch?

Trotwaer. Jaargang 32 2

Bin jou nau besopen, dy 150 jaar ouwe naam hoart gewoan bij ut Sneker kulturele erfgoëd, moai afbliëve met je fikken. Of anders... Ut water fan 'e Wip (‘dat konservatieve kereltje bedoelt het watertje voor ons theatertje, schat’) stinkt ok al mear as anderhalve eeuw!

Soap

Op 12 maart 1998 stiet yn 'e Leeuwarder Courant it berjocht dat regisseur Pieter Verhoeff op 21 en 22 maart fan dat jier audysjes hâldt foar in spylfilm anneks televyzjerige oer it libben fan de skriuwster Nynke van Hichtum. In pear hûndert belangstellenden jouwe har op, de earste seleksje wurdt makke. In wike letter, op 28 en 29 maart, op 'e nij audysje, no bij Verhoeff himsels. Alle dielnimmers prate persoanlik in kertier mei de regisseur oer har ambysjes. Yn juny '98 folget in brief mei dêryn de oprop om op 13 en 14 juny op 'e nij nei Ljouwert ta te kommen foar in folgjende audysje. Der sille fideo-opnamen makke wurde en fan guon wurdt ferwachte dat se in monolooch of gedicht yn it Nederlâns of it Frysk tariede. Ek graach foto en cv ynleverje! Verhoeff dielt nei ôfrin fan dizze audysjes mei dat alle bern dy't meidien hawwe oan dizze lêste ‘ronde’ yn elts gefal in figuranterol yn 'e produksje krije sille. Yn de oprop fan maart 1998 hie oars noch stien dat ‘it giet om echte rollen, net om figuranten’, hawar, de kandidaten wachtsje ôf. Want, dat hie ek yn it krantestikje stien: ‘de opnamen foar de film wurde yn 'e neisimmer fan dit jier [1998, hvdv] makke of yn 'e maityd fan takom jier.’ Noch eefkes geduld dwaan. We sitte no ûnderwilens yn 'e oare ieu, it duorret in ivichheid, mar al dy kandidaten hawwe noait wer taal of teken fan Verhoeff en Egmond Film-Television heard. It liket fergemy wol in soap!

Trotwaer. Jaargang 32 3

Pier Boorsma in dei út it libben fan de dichter

ik libje as in muonts

moarns om seis oere groetsje ik de fûgels

de fûgels tinke dêr ha je dy rare swijsume man dy't - mei syn boere-aard - mient dat er moarns yn it waar sjen moat

yn de supermerk wurd ik werkend troch it kassafamke (in pakje sjek seker) ja wij libje op ien weach fan tiid mar ik hear dêr net bij ik ha myn eigen binnensee

middeis skamje ik mij dat ik fersen publisearje o idelheid der idelheden bin ik suver?

jûns sis ik tsjin de fûgels ik gean wer yn 'e hûs ik moat noch neitinke oer it wêzen fan de tiid

Trotwaer. Jaargang 32 4

By de hûndertste bertedei fan D.H. Kiestra Fertiisd yn rjocht en skuld Doeke Sijens

Op 4 desimber 1945 fierde Douwe Kiestra syn 46e jierdei. By dy gelegenheid makke er in fers, dat foar 't each oer it moaie fan de natuer giet: ‘De kym trochsichtich bynei, wolkens hiel fier hjir wei.’ Kiestra skreau dit fers lykwols yn finzenskip, yn in kamp by Luttelgeest yn 'e Noardeastpolder. Yn in inkele rigel binne dy benearjende omstannichheden werom te finen: Wy arbeidzje oan 't kanael, / De hege wâl is oan d' oare kant, / It giele sân is egael, Hast sûnder rigge ef gael / Ofskjirre yn biwende trant. (S, 45)1 Kiestra hie yn 'e oarlochsjierren út oertsjûging oan 'e Dútske kant stien. Nei de befrijing waard er oppakt. Earst kaam er yn Akkrum telane, yn in lege eksportslachterij, en moast er by boeren út 'e omkriten wurkje. Dêrnei siet er in pear moannen yn in kamp yn . Mids augustus '45 wie er nei Luttelgeest brocht. ‘Nea forjit ik dy dei!’ soe er skriuwe: In wylde en rouwe rop, / Kirdels laden mei wrok, / Wy meiinoar keamerop, / En sitte as kninen yn 't hok. (S, 37) Yn desimber 1945 - net lang nei syn jierdei - waard Kiestra nei Sondel werombrocht, dêr't er op syn proses wachtsje moast. Yn dat earste jier dat er finzen siet, hat er fersen skreaun, dy't foar in grut part publisearre binne yn de bondel Sinne op 'e striesek. Oer ûntstean en publikaasje fan dat ‘illegale’ boek sil it yn dit artikel gean.

I

Douwe Hermans Kiestra, berne yn 1899 by Poppenwier, wie in boeresoan, dy't - net sûnder wifkjen - ek boer waard. Hy hie nocht oan skriuwen en wie tige muzikaal. As lid fan de Jongfryske Mienskip die er mei oan simmerkampen en it Jongfrysk Sjongkoar. Yn 1926 publisearre hy foar 't earst in fers, yn it literêre tydskrift De Holder. Kiestra wie tige belutsen by kulturele en politike aktiviteiten en die in soad redaksjewurk foar bygelyks It Heitelân, Frisia en De Nije Mienskip. Hy troude yn 1925 mei Aaltsje Hannema. Se hierden in pleats oan de Brekken ûnder Poppenwier en bleaunen dêr oant 1938 ta. Dat jiers gienen se oer nei in pleats yn Eagmaryp. De Kiestra's hiene doe al trije bern. Yn 1941 ferfearen se nochris, no nei in pleats op 'e Grutte Wierren ûnder Tersoal. Mei syn frou publisearre Kiestra sa út en troch ‘Boerebrieven’ yn Sljucht en Rjucht en It Heitelân, dy't in goed byld jouwe fan har kreweajen yn it boerebedriuw fan dy tiid.2 Earst mennist en sosjalist rekke Kiestra yn 'e tritiger jierren mear en mear oertsjûge fan it fallyt fan de demokrasy. De krisisjierren

Trotwaer. Jaargang 32 5 wiene foar de hierde boer swier en dat brocht Kiestra der ta syn heil te ferwachtsjen fan in sterke lieder. Yn syn politike stikken - en somtiden ek yn syn literêr wurk - wurdt de malêze fan de boer ferbûn mei in sterk fielen foar it Fryske folk en de Fryske grûn. ‘Swellestoarm’, in natuerfers oer ‘de Föhn fan Fryslân’ dy't de earste sweltsjes bringt, wurdt yn 'e lêste strofe in striidfers:

Hy is ta it folk fen Fryslân Symboal fen ûntweitsjen en werberte; Yn de krêft fen syn jong rûzjen Lit it him trochwaeije en sterkje Oant yn de uterste nerven, En rist it him ta de died.3

Alle tiid, dy't er frijmeitsje koe, wie Kiestra warber: literêr, polityk, yn 'e Fryske Beweging, yn agraryske organisaasjes. Hy skreau fersen, striidstikken, toaniel, ferhalen en in ‘lytse’ roman, De froulju fen 'e fetweider. In man, dy't grutte ynfloed op syn tinken útoefene hat, wie Jan Melles van der Goot. Dy, ek in boeresoan mar om syn swakke sûnens kandidaat-notaris wurden, ûntwikkele yn de krisisjierren in eigen ideology, dy't er ‘nasjonael-naturalisme’ neamde. ‘Als doel van zijn ideologie zag hij [Van der Goot] in de eerste plaats het behoud van het Friese volk als onderdeel van het Germaanse ras. [...] Het Friese bloed zou zuiver moeten blijven, dan zou de Friese taal ook zuiver bewaard kunnen worden.’4 Van der Goot wie poer op it kristendom en it humanisme tsjin. ‘Myn man,’ hat frou Kiestra skreaun, ‘waerd fen syn skriften meinommen.’ It begrutte har wolris, dat Kiestra sa'n soad tiid ferbrocht mei Van dêr Goot. ‘Haw ik net faken op 'e hiemshoeke stien, mei in djippe toloarstelling yn my as ik myn man en v.d. Goot gesichten fier it lân yn gean seach, drok redendieljend? Al wer in skoandere Sneintomiddei forsteurd.’5 Yn 1933 rjochte Van der Goot mei R.P. Sybesma it Frysk Faksiste Front op, dat lykwols rillegau wer ferdwûn. Yn 1938 rjochte hy, dit kear mei Kiestra, de Fryske Folkspartij (ffp) op. Yn it earste nûmer fan it partijblêd, It Fryske Folk, skreau Van der Goot: ‘En Kiestra hat al dy jierren west, in frysk en soasjael fielend minske, dy't sûnder dogmatisme jimmer dien hat, hwet neffens syn ynsjuch it bêste wier for ús folk. Hy is dêryn himsels allyk bleaun. En mei ús steat fan tsjinst as fryske striders doare wy foar ús folk to forskinen en bitrouwen te freegjen.’6 Ien fan de grûnkêsten (nûmer 5) fan de partij wie: ‘De Fryske Folkspartij striidt der for, det it Frysk folk wirk en brea fynt op eigen groun en det it him frij ûntjaen scil ta greater ienheit fen libbensforstean.’7 Folle oanhing krige de partij lykwols net. Doe't Van der Goot twa jier dêrnei ferstoar, waard Kiestra de earste man fan de partij. Doe wiene de Dútsers al yn Fryslân en by de begraffenis fan Van der Goot spriek Kiestra oer de ‘geweltige fornijingen dy't nou trochsette, de machtige omkearingen en herfoarmingen op elts terrein fen libben en maetskippij.’8 Foar dy fernijingen hat Kiestra him ynset, ûnder oaren as lieder fan de Fryske Rie, dêr't de ffp yn 1941 yn opgie. Hoe fier Kiestra meigie mei de Dútskers, lit de daging foar it Tribunaal út 1946 sjen: lid fan de nsb, lid fan de Nederlandse ss, lid fan it Agrarysk Front, lid fan de Landstand.

Trotwaer. Jaargang 32 II

Kiestra siet al langer as in jier finzen, ear't syn saak foarkaam. Op 22 maaie 1946 waard de daging opmakke, op 4 july stie er foar it

Trotwaer. Jaargang 32 6

Tribunaal yn Snits. Kiestra hat him, sa docht bliken út oantekeningen dy't bewarre bleaun binnen, sekuer taret. Hy sil net ferwachte ha, dat er der sûnder straf ófkomme soe, mar hy hat him wol ferantwurdzje wollen. Mocht bygelyks de fraach steld wurde: ‘Ha Jo der ek spyt fan?’, dan soe er sizze: ‘De gefolgen hawwe net west sa as ik my dy foarsteld hie; folle minder.’ En mocht frege wurde: ‘Wat tinkt Jo nou fen it nasjonaal sosjalisme?’, dan soe er anderje: ‘Underskate punten dêryn moat ik ôfwize.’ As reden foar syn kollaboraasje soe er neame: ‘Ik woe in sterker gesach en mear stjûr en lieding fen it regear hawwe as plichte.’ Oer dy gearwurking skreau er foar himsels op: ‘Ik ha altyd myn bêst dien en dy ûntsettende delikate wei op skeakelposten mei de besettende macht mei de greatste selsbihearsking, mei hifkjen en wifkjen gien. Stjûrman oan de wâl makliker. Dit moast dien wirde, alteast bisocht wurde.’9

Douwe Kiestra (tredde fan rjochts) mei oare leden fan de Jong Fryske Mienskip op Flylân, 1923. (Ut it ‘reade album’ fan Douwe Kalma; argyf FLMD)

It kranteferslach fan de rjochtsaak lit sjen, dat ek oan 'e oarder west hat, dat Kiestra wegere hie om ‘de eed op den Führer af te leggen, omdat hij principieële bezwaren tegen de ss had [...].’ Al earder hie syn advokaat (Beekhuis), yn 'e mande mei freonen en famylje, dwaande west de ferdigening ta te rieden. Beekhuis wiisde by de sitting op ‘het integer karakter van den beklaagde. [...] Er is een verzoek om clementie voor hem door practisch alle dorpsgenooten van K. ingediend. Door vooraanstaande figuren uit de Friesche beweging, als prof. Brouwer en E.B. Folkertsma, wordt voor hem gepleit. Hoewel besch. gedwaald heeft, heeft hij niets voor zichzelf, maar naar hij oprecht meende, alles voor Friesland gedaan.’ By it lêste wurd hat Kiestra - neffens de krante - sein, dat hij it ‘oneervol’ fûn om as ‘een rat het zinkend schip te verlaten.’10 It fonnis wie: twa en in heal jier sitte. Tsien jier mocht er net stimme.

Trotwaer. Jaargang 32 7

III

Fier foar syn proses hie Kiestra him al rekkenskip jûn fan syn hâlden en dragen yn 'e oarlochsjierren. Hy hie dat dien op 'e wize, dy't him it bêste paste: de poëzij. Hast daliks nei't er oppakt waard, ferwurke er yn fersen wat him dwaande hâlde: Fryslân, it finzenskip, mar ek hoe't it fierder moast mei syn húshâlding en it bedriuw. En, fansels, de ûndergong fan alles dêr't er foar stean wollen hie. Sondel en Luttelgeest wiene gjin echt minne kampen - der wiene wol mindere, leart de literatuer11- mar dochs wie it rezjym strang. Foar in man dy't de romte wend wie, sil it net maklik west hawwe om achter stikeltried, mei in soad oare manlju altyd om him hinne, syn draai te finen. Ien kear yn 'e moanne mocht er in brief skriuwe, en like faak mocht er besite ha. Foaral yn it begjin gie dat wolris mis. Frou Kiestra krige in brief oan har man werom, mei it opskrift: ‘alleen in Nederlands schrijven’. De âldste soan makke - ek yn de earste moannen - om 'e nocht in reis om syn heit te treffen. Yn de Leeuwarder Koerier fan 19 juny 1945 stie in stik fan redakteur Jan Piebenga oer it ynternearingskamp fan Sondel. ‘Op het uitgestrekte terrein, waar de Duitsers hun kostbare peilstation voor de militaire luchtvaart hadden ingericht, zijn thans meer dan 300 N.S.B.-ers tewerkgesteld om de chaos, zoals die door hun vrienden op 17 april was achtergelaten, tot een zekere orde te herstellen. [...] Onder de bekwame leiding van commandant Spans, iemand die in de illegaliteit zijn sporen ruimschoots verdiend heeft, een zeer humaan mens binnen de perken van strenge plichtsbetrachting, is hier nu een “concentratiekamp” ontstaan, dat zeker geen vacantie-oord is, maar gelukkig ook geen reden geeft tot de bittere gevoelens, die dat woord bij elk beschaafd mens opwekt. Hier wordt gepoogd, gestrengheid aan rechtvaardigheid en menselijkheid te paren.’ ‘Niemand’, skreau Piebenga, ‘vindt het hier aangenaam, alleen al niet om de voeding (iets minder dan het distributierantsoen) en om het zeer, zéér beperkte contact met de buitenwereld, maar het leven is er dragelijk, hoewel het voor sommige intellectuelen een zielekwelling moet zijn, niet te kunnen lezen.’ Op dat stuit siet Kiestra yn dat kamp. Mooglik hat Piebenga, dy't him út 'e Fryske Beweging goed koe, Kiestra dêr troffen - yn alle gefallen sil er him oan it wurk sjoen ha. By de neilittenskip fan Kiestra op it flmd sit in mei potlead skreaun briefke: ‘Heechachte Kommandant. Hjirby in pear fersen dy't ik graech wol, det Jo goed biwarje. Op myn earewird forklearje ik det ik neat skriuwe scil det Jo net to lêzen krije. Ik hoopje tige det Jo my op dizze wize it skriuwen fen fersen en fen inkelde sketsen (eventueel) tastean kinne.’ Wis is it net, mar mooglik wie dit briefke rjochte oan de neamde Kommandant Spans. Yn it kamp hie Kiestra alle tiid om nei te tinken. Rillegau kearde er werom nei it leauwen, dêr 't er ûnder ynfloed fan Van der Goot fier by wei rekke wie. Yn it fers ‘Fryslân’ (S, 6) tsjûget er dêr fan:

It pân det de fryske siele Op reis troch it libben bliuwt: Fryslân, foarlân en bêdding, Det nei hjar lêste rêdding Hjar taflecht yn Kristus driuwt.

Trotwaer. Jaargang 32 Yn dy earste moannen rekke ek de natuer him djip. De besieling, dy't syn bêste fersen fan foar de oarloch hienen, komt yn de benearjende situaasje fan it kamp werom.

Trotwaer. Jaargang 32 8

Ien fan de earste fersen, dy't er yn Sondel skreau, wie ‘It Ljocht’ (S, 14), in lang, mystyk fers, suver ekstatysk:

Moedich fen hert Moat it ljocht yn my barne Fen heger komôf Det ik stean as in fane Dêr't de winen yn slane. Nea bang, nea drôf.

Twa dagen12 foar't er fan Sondel nei de Noardeastpolder brocht waard, skreau er ‘Twaspraek’ (S, 7). Ek in lang fers, dêr 't er mei himsels yn petear yn rekket oer syn eigen situaasje. Men fielt dat er de skuld foar syn finzenis oan oaren jaan wol, mar dat er om earlik te bliuwen, dochs erkent dat er sels skuldich is.

De delslach is oer ús komd En ûngelyk kin ik bilije, Mar mei ik myn deade gjin blomt' Fen stille oantins wije? - Dou moatst út dy banne dy rou Birou, det moatstou bitoane, Jow net oan mispleatste trou Nou efternei noch in kroane.

Kiestra huchelt yn dit fers net, hy jout ta dat er fouten makke hat, mar tagelyk bliuwt er by syn politike opfettingen. Hy hat ferlern, hielendal syn oertsjûgingen ferriede docht er lykwols net (S, 9).

In lyts folk fiert syn lytse wrok Bikrompen en fol fenyn, De greate oarloch hat it net mear De lytse oarloch hellet it yn - De lytse oarloch kriget gjin kâns Jimme krêft is for altyd britsen Yn 't Easten riist moarntiidsglâns Wy hawwe de wacht bitritsen.

Sondel bringt him Jan Melles van der Goot wer yn 't sin. Yn it fers ‘Kamp fen Sondel’ neamt er himsels ‘dyn skyldfeint en striidmaet’ en hat er it oer syn eigen ‘wei fen fornedering’.

Dêr scil ik dildzje

Drage en fordrage:

Finzenskip en langstme Jan Melles, myn stalke, Om Fryslâns forriiz'nis.13

Frou en bern binne ek faak yn syn tinzen. Soan Herman hat - mei syn mem en in saakwaarnimmer - de soarch foar it bedriuw krigen. Dat komt oan 'e oarder yn ‘Birop en bistimming’, in fers oer it boerewurk en de noeden en ferantwurdlikheden fan in boer. Yn ‘Oan ús bern’, seit er:

Trotwaer. Jaargang 32 Tink derom: forhirdzje net! Jimme mei jim waerm hert, Mei jim sterk en fûl bistean, Nou't wy troch de stoarm gean.

Kiestra kin him foarstelle dat se lilk wurde op elk dy't kwea fan him sprekt of him oanfalt.

Mar tink derom: it is jim heit, Dy't jimme iepenhertich seit, Hy hat de Poep, to gol, to roun, To firdich syn bitrouwen jown.14

Foar syn frou skriuwt er ‘Foarste oansiik’, in lang, weagjend fers oer syn leafde foar har, fan it earste momint óf dat er har troffen hat.

Trotwaer. Jaargang 32 9

Ha ik it goed dien Bin ik myn wei gien Ha ik wol noed stien Foar myn riik wêzen?15

Yn it ‘Biswarring’ (S, 25) komme alle tema's byinoar:

Fen hûs forballe Fen wiif en bern Hastou hjar net út Dyn hert forlern.

De mienskip útstaet En finzen nomd Is yet Gods banflok Net oer dy komd.

Minskene oardiel Stiet skraech yn tel God hat it sa wold Jow dou dy del.

Dou rekkest fortiisd Yn dyn rjucht en skild God hat it sa wiisd Doch dou gedild.

Kiestra hie der it earste jier noch gjin aan fan hoe lang er finzen sitte soe, mar hy tocht der al wol oer nei hoe't it kamplibben him feroarje soe (S, 10). Sinne op 'e striesek

De joun komt as in genede, Nei de lûdroftige dei, Op 'e striesek wachtet in frede Dy ta alles gerive mei.

Dêr wachtet in langsum ûntspannen Nei de binearjende twang, De siele ûntwynt syn bannen, En komt ta in froede sang.

Hja sjongt út stille oertsjûging: Dit moast dochs allegear sa: - Hast sûnder forset ef wroeging Giet dizze foroaring ta.

Dit kin lykwols hiel lang dûrje Licht wird ik der sletten fen, En kom ik nei swier bisûrjen Torêch as in earnstich man.

Torêch as in ôfslein strider, Net wirch en wrang en kâld; Mar lyk as in âld ûngetider Dy't ûntsettend fen 't haeilân hâldt.

Trotwaer. Jaargang 32 Torêch as in démoedich leauwer, Ta in lyts formidden biskaet, Mar gjin wrokjende efterbliuwer, Fen gallich selsbiklach laet. -

Troch it ienichste bunkerfinster, Skynt de jounsinne waerm en blier, Op 'e striesek bistoar in glinster Dy't de siele ta rykdom wier.

Nei de winter fan 1946 wie it dien mei Kiestra syn poëtyske driuw. Sa út en troch skreau er noch wol, mar dat wiene meast deiboekoantekeningen, soms mei de oanset foar in fers: Ek sette er him ta it oersetten fan it bibelboek ‘Spreuken’. Yn desimber 1946 waard Kiestra fan Sondel oerbrocht nei it kamp Westerbork. Neffens in fers, dat er jierren letter skreaun hat, fûn er dêr, op ‘in frije middei yn 'e lêsseale’ in boek, mei foaryn in sitaat oer ‘frede tusken folken en minsken’.

Trotwaer. Jaargang 32 10

Letter haw ik faak tocht Dat moat fan Anne Frank west ha, Ien fan har lêste boadskippen Oan my.... Wat lis ik nachts faak wekker En tink oan har en har neisten.16

Yn 1947 gie er nei it kamp yn Sellingerbeetse yn Grinslân. Yn dat kamp skreau er in lange brief oan kardinaal De Jong, dy't er ‘Een bekentenis’ neamde. Hy besocht dêrmei om ‘de geestesgesteldheid bij de politieke delinquenten’ wer te jaan.

IV

Kiestra skreau syn fersen op stikjes papier, dy't er yn it kamp fûn. ‘Kamp fan Sondel’ bygelyks is skreaun op in Dútsk formulier fan de eardere Funkstelle yn Sondel. Joech er guon oan de kommandant om te bewarjen, syn besite krige se ek mei. Mooglik gie dat temûk. Al gau gie de rop ûnder freonen en leafhawwers fan poëzy, dat it bysûndere fersen wiene. Jan Piebenga, dy't yn juny yn it kamp fan Sondel west hie, neamde yn in brievekaart fan augustus 1945 al dat er se printsje litte woe.17 It duorre lykwols noch in jier, ear't er útjouwer Kamminga yn Dokkum, in útstel die: ‘Yn myn bisit binne in great tal fersen, dy't Douwe Kiestra yn it Sondeler kamp skreaun hat. Der binne tige moaije by en dêrom hab ik it plan opfette dy as 't hwat kin privaet-clandestien, net yn 'e handel, byg. yn in oplaech fan 100 à 200 eks. foar frjeonen - út to jaen. [...] Fiele Jo dêrfoar om dit dichtbondeltsje to printsjen? Der hoecht net iens in útjowersnamme op om my, mar dat moatte josels witte. Illegaliteit lokket my altyd wol oan, hjoed mear as ea.’18 Piebenga wie rillegau nei de oarloch in foaroansteand man yn Fryslân wurden. Hy wie dichter, sjoernalist en soe as baas fan de Ljouwerter Krante ferneamd wurde. Hy hie yn 'e oarloch yn 'e yllegaliteit sitten. Net ien, soe men sa sizze, dy't wurk makke fan fersen fan in foute dichter. Mar syn broer Haring Tjittes siet, lyk as Kiestra en om deselde redenen, ek yn in kamp. Dêr kaam by dat yn 'e Fryske Beweging, ek daliks al wer nei de oarloch, Frysksinnigens en freonskip wichtiger wiene as politike wandieden. Sjoerd van der Schaaf hat as karakteristyk fan Piebenga jûn: ‘Yn syn wêzen siet in stik spjaltenens, faeks gearhingjend mei syn oanstriid him nei alle kanten to biwegen oer syn grinzen hinne. Hy hie der dêrby forlet fan witte to litten dat it by him weikaem út in djip fielen en in fier skôgjen [...]’19 Printer Kamminga is typearre as in ‘a-religieuze individualist’20. Hy hie foar de oarloch Van der Goot útjûn, yn 'e oarloch Douwe Kalma en nei de oarloch de redefieringen printe, dy't hâlden wienen op 'e Bewegingsdei fan 26 maaie 1945. Ek de Nije gedichten fan Douwe Tamminga wiene yn 1945 by him útkommen. Kamminga is op it útstel fan Piebenga yngien. De fierdere ôfwikkeling is oernommen troch Meinte Oosterhout, in freon fan Kiestra út 'e oarlochsjierren.21 Ut in brief fan Oosterhout oan de útjouwer, docht bliken dat Kiestra - op de dei fan syn proses - tastimming jûn hie foar de bondel.22 Wa't de seleksje makke hat, is net dúdlik.

Trotwaer. Jaargang 32 Neist Piebenga en Oosterhout wie ek Douwe Tamminga by de produksje fan de bondel belutsen.23 De kopij bestie út 45 fersen. Yn 'e bondel binne 22 dêrfan opnommen. De helte is dus ôffallen. De kar is yn it foarste plak bepaald troch kwaliteit. Dêrby hat de abstraksje fan de fersen in wichtige rol by spile. Sa binne gelegenheidsfersen weilitten (bygelyks ‘Foar ien

Trotwaer. Jaargang 32 11

(argyf FLMD) fen de fammen út it kamp’) en fersen dy't tige privee wiene, as ‘Earste oansiik’. Fersen mei in frijwat dûdlike politike lading binne ek weilitten (bygelyks ‘Kamp fan Sondel’). Of guon dy't te eksplisyt oer it kamplibben giene (‘De úttocht moarns!’). Ek fersen dêr't út blykt dat Kiestra syn eigen lot mar mei in bytsje distânsje besleach (‘Klachte fen in Greidboer yn finzenis’). By de produksje is ek noch in fers (‘Torêch’) om 'e romte ôffallen. De bondel wie ferparte yn twa skiften, ‘Fryslân’ en ‘Suderleech’. Fersen yn it earste skift wiene skreaun yn Sondel, de oaren yn it kamp yn Luttelgeest. Yn oktober 1946 wie it oan printsjen ta, mar net earder as begjin 1947 wie it boek klear.24 Om't Kiestra in publikaasjeferbod hie oant 1 jannewaris 1951, wie dêr wat op fûn. ‘It is lykwols sa,’ skreau Oosterhout oan Kamminga, ‘de man mei net publisearje, d.w.s. syn wirk mei net yn 't iepenbier yn 'e hannel brocht wirde. Hy mei wol skriuwe en it mei wol printe wirde en oan dizze en jinge tastjûrd wirde.’25 In útjouwer waard yn it boek net neamd, en foar Kiestra wie - troch Kamminga26- in skûlnamme keazen: D. van Wieren. De ‘D’ stie fansels foar Douwe, van Wieren ferwiisde nei it wenplak fan de Kiestra's by de Grutte Wierren.27 Nei alle gedachten binne der trijehûndert eksimplaren printe. It doel wie om earst sa'n fyftich te ferstjoeren en de rest in pear jier lizze te litten om dan offisjeel út te jaan. Yn 'e earste helte fan 1947 binne sa'n 50 eksimplaren ferstjoerd oan famylje en kunde fan Kiestra. De boeken waarden net allegear tagelyk ferstjoerd. Reinder Brolsma krige syn eksimplaar net earder as yn juny. ‘Ja, it boekje mei de gedichten fen Douwe sines is to plak,’ skreau hy frou Kiestra, ‘en wy binne der tankber foar. Ik wist wol fen it bistean ôf, it soe my raer yn 'e wei west hawwe as ik der by troch rekke wier, dat koe hast net tocht ús -, wy hawwe elkoarren nou al sa lange jierren kend.’28

V

Op 15 oktober 1947 krige Kiestra syn frijheid werom. Hy gie wer oan it wurk. Noch gjin jier letter kaam Sinne op 'e striesek gewoan yn 'e hannel. Wêrom't skriuwer en útjouwer har net oan it publikaasjeferbod hâlden hawwe? In publikaasjeferbod, oplein troch de Ereraad voor Letterkunde, waard wol mear negearre: Ypk fan der Fear,

Trotwaer. Jaargang 32 Brolsma, Kalma binne oare foarbylden fan skriuwers fan wa't wurk opnommen waard troch bygelyks De Tsjerne foar't it ferbod foarby wie. De skûlnamme fan

Trotwaer. Jaargang 32 12

Kiestra waard wol brûkt. Hy hie earst hielendal anonym wollen, oant Douwe Kalma mei in advys kaam. ‘Hy rette my ôf om ek de skûlnamme forfalle to litten, om't den de neidruk sa falt op it klandestine. Ik moat dat tajaen.’29 Kiestra hie f 2 as ferkeapspriis ha wollen, mar Kalma fûn f 2,50 better. De ûntfangst fan it boek wie oer it generaal posityf. Piebenga bespriek it boek dat er sels meiholpen hie út te jaan en priizge de ‘greate geestlike soberheit’, dy't der út spriek. Hy neamde Kiestra syn hâlding yn 'e oarloch ‘in birette kar’ en dêrnei syn finzenis ‘in fûleindige mar iensume striid, in weromsmiten ynienen yn it primitive stadium fan ballingskip’.30 A.M. Wybenga fûn dat de fersen ‘trochstrings net in flugge, krêftige gong [hiene], by tiden binne se hwat stroffelich, krekt oft de dichter mear fielt en sizze wol as dat er kin.’ Wybenga wiisde der op dat it boek ‘illegael wie’, mar hy fûn dat net slim. It ‘tsjûget dat it der mei ús demokraty dochs jit better foar stiet as dat der wolris forkundige wurdt’.31 Dy lêste opmerking makke Freark Dam poerrazend: ‘Toe mar. Dy “demokraty”, dy't foar '40 al it measte oer har kant gean liet en it gefaer fan it nasjonael-sosjalisme (c.q. fascisme) net earder leauwe woe foardat hja it (fan '40 oant '45) fielde - en hoe! - soe dus noch sa min net wêze, nou't hja, ryklik trije jier nei de bifrijing, nasjonael-sosjalistykse skriuwers al wer tastiet om ynteressant-illegael har ressintiminten ôf to reagearjen? En dat, wylst der dochs ek sokssahwat west hat as in forbod om to publisearjen?’ Fierder skreau Dam yn De Tsjerne: ‘En út earbied en tankberens foar hwat dyselden [troch de Dútskers fermoarde dichters] foar ús frijdom lit hawwe, protestaerje ik tsjin in soarte fan “demokratyske” humanens, dy't A.J.W[ybenga] (en mei him gâns oaren) foar D. van W. en syn maten oer mient yn acht nimme te moatten.’32 Douwe Tamminga gie dêr tsjin yn.33 Neffens him wie dat publikaasjeferbod oplein troch in ‘Hollânske’ Ereraad, ‘dy't de forhâldingen to uzes inkeld fan hearren en sizzen koe en dy't hjoeddeis yn Hollân sels al lang ta de antiquiteiten biheart.’ Hy neamde nochris wat neffens him de kwaliteiten fan 'e bondel wiene. Kiestra socht it net yn ‘yn dûbelsinnige selsrjochtfeardiging of yn in amorphe oanpassing by feroare omstannichheden.’ Neffens Tamminga wie Kiestra in ‘bitter gefjocht oangien mei de problematyk dy't it eigen wêzen him stelt; as ien it mei de ôfrekkening mei eigen ferline net op in sêft sin set, dan D. van Wieren’.34

VI

Yn it kamp hie Kiestra him foarnommen, nea wer in liedende posysje yn de Fryske Beweging te sykjen. Dat hat er nei syn frijlitting ek net dien. As dichter hat er him lykwols wol wer oppenearre. Nei Sinne op 'e striesek kaam yn 1955 It jier yn 't roun út. It kamplibben of de polityk komme yn dit boek net mear oan 'e oarder. Anne Wadman beneamde Kiestra syn ‘geastlike ûntjouwing’ as ‘fan in frijwat eigensinnich krisissosjalisme [...] oer it nasjonaal-sosjalisme [...] hinne nei [...] in soarte fan ôfsidichheid, in yndifferintisme yn syn poëzy fan hjoed de dei’.35 ‘My bikrûpt lykwols it ealgjen’ hie Kiestra de earste winter fan syn finzenis skreaun:

Trotwaer. Jaargang 32 Ik nim skilik op myn wei Torêch nei de âlde lânsdouwe Hwat fan de stiltme mei De wide en winterske stiltme Dy't strak oer it Suderleech leit,

Trotwaer. Jaargang 32 13

Hja wurdt wjerbyld en spegelwêzen Fen myn slettenheid; Langstme, birou en mismoed Biwirken yn myn hert Biskamsum forhoalen hâlden.... De neak'ne treast'leaze romten Fen forswijde smert.36

Fan de famylje Kiestra krige ik tastimming om dokuminten (hânskriften, typoskriften en brieven) út de neilittenskip fan Douwe Kiestra op it FLMD te brûken. Hjirfoar myn grutte tank. Fierders betankje ik de minsken fan it FLMD foar harren stipe en it fersoargjen fan de yllustraasjes by dit artikel. In soad feiten oer Kiestra syn libben binne te finen yn de ynlieding fan Douwe Tamminga by Kiestra syn Samle fersen (Boalsert 1982).

Eindnoten:

1 S = D. van Wieren, Sinne op 'e striesek. [Dokkum], [Kamminga], [1947-48]. 2 Sjoch In skraech mei apels. Brieven fen in jonge boer en in jonge boerinne. Snits, Brandenburgh & Co, 1936. 3 Frisia 1932, 179. Dit fers is opdroegen oan Jan Melles van der Goot. De opdracht is net oernommen yn Efter it oargel en wurdt ek net neamd yn de Samle fersen. 4 Gjalt R. Zondergeld, ‘Rassisme als levensaanvaarding. De levensleer voor de Friese nationalisten van J.M. van der Goot (1903-1940).’ Yn: Marnix Beyen en Geert Vanpaemel (red), Rasechte wetenschap, 1998, 57-63. 5 A.K.[iestra]-H [annema], ‘In lytse bikentenisse by Jan Melles van der Goot syn forstjerren.’ Nieuwsblad van Friesland, 2 augustus 1940. Frou Kiestra skriuwt dat sy neitiid wol ûntsach foar de man krige: ‘dy mylde libbens ljeafde waeide yn yen oer as men by him wier.’ 6 ‘Nij bigjin’. Yn: It Fryske Folk, desimber 1938. 7 It Fryske Folk, septimber 1940, Propagandanûmer 1. 8 ‘Biierdiging J.M. van der Goot’. Yn: Nieuwsblad van Friesland, 2 augustus 1940. 9 FLMD, Dokuminten 084.029.1.113 (Dagvaarding van beschuldigde. Troch Kiestra sels oerskreaun yn skrift. Mei oantekeningen foar syn ferdigining) en 084.029.1.112 (Losse oantekeningen foar it Tribunaal, 4 july 1946). 10 Leeuwarder Koerier, 9 july 1946. 11 Sjoch bygelyks: A.D. Belinfante, In plaats van Bijltjesdag. Assen, 1978. Hy neamt Sondel as ien fan de ‘goede kampen’ (227). 12 Datearring yn it hânskrift: 13 augustus 1945. 13 Fers ornearre foar Sinne op 'e striesek, mar net opnommen. Hânskrift en typoskrift, FLMD. 14 Idem. 15 Idem. 16 Samle Fersen, 353. Tr. Riemersma, dy't Kiestra yn 'e sechtiger jierren in pear kear troffen hat, skriuwt dat hy slim mei it lot fan de Joaden yn 'e oarloch ompakte: ‘hy vist dealeze goed dot ur faut vest hji [...] hy besocht syn vondieden yn har fólle omhaining te befiemjen, en hy pakte der slim mai óm.’ Yn: De kul, 1983-2, 43. 17 J. Piebenga oan H.Y. de Vries, 2 augustus 1945. FLMD. 18 J. Piebenga oan Kamminga, 23 july 1946. flmd. 19 Leeuwarder Courant, 13 maart 1979. 20 A. Medema, ‘Doederus Johannes Kamminga 1884-1977.’ Yn: De sneuper. Orgaan van de vereniging van archiefonderzoekers te Dokkum. Extra nummer, september 1999.

Trotwaer. Jaargang 32 21 Meinte Oosterhout (1920-1970) wenne yn Grins. Nei syn stúdzje rjochten wurke er op it Frysk Ynstitut. Yn 'e oarloch wie er aktyf yn Kiestra syn Fryske Rie en die redaksjewurk foar It Fryske Folk. Nei de oarloch wie er warber foar de Jongfryske Mienskip, û.o. as bestjoerslid en redakteur fan Lyts Frisia. 22 Brief, 29 july 1946. FLMD. 23 Ut in brief fan Oosterhout oan Kamminga (9 novimber 1946) docht bliken dat Tamminga him dwaande hâlden hat mei de revysje. Koartlyn hat Tamminga sein dat hy de fersen fan Kiestra syn frou krigen hie ‘en ik bin dermei nei Kamminga yn Dokkum stapt. Hy wie der swier fan ûnder de yndruk en woe se wol útjaan.’ (Geart de Vries, Trochpaden. Oantinkens fan D.A. Tamminga oan syn libben en wurk. Ljouwert, 1999; 95). Tamminga hat lykwols net, dat lit de oanhelle brief fan Piebenga sjen, as earste kontakt socht oer de fersen mei Kamminga. Mooglik hat er de printkladden mei frou Kiestra (as fertsjintwurdiger fan har man) trochnommen en werom nei Dokkum brocht? 24 Op 2 jannewaris 1947 frege Oosterhout oan Kamminga: ‘Ho stiet it mei de bundels. Det scil nou wol moai opsjitte tink?’ Brief FLMD. Om't ôfpraat wie dat Oosterhout de bondels ferstjoere soe, en hy dy begjin 1947 noch net hie, kin as jier fan útjefte 1947 oanhâlden wurde. Oan't no ta, bygelyks troch Tamminga yn de ynlieding fan de Samle fersen, waard 1946 neamd. 25 Oosterhout oan Kamminga, brief 29 july 1946. FLMD. 26 Sjoch Tamminga yn Trochpaden, 95. 27 Yn in brief fan Oosterhout fan 9 novimber 1946 oan Kamminga wurdt foar 't earst de titel Sinne op 'e striesek neamd. Ut in eardere brief (2 oktober 1946) liket it der noch op dat ‘Under de Yggdrasyl’ de titel wurde soe. FLMD. 28 Brolsma oan frou Kiestra-Hannema, 5 july 1947. FLMD. 29 Kiestra oan Kamminga, 4 maart 1948. FLMD. 30 Leeuwarder Courant, 22 maaie 1948. 31 Frysk & Frij, 6 augustus 1948. 32 Freark Dam, ‘It bondelke is illegael’. Yn: De Tsjerne, 3 (1948), 351. 33 Ek Douwe Kalma stjoerde in reaksje, mar dy waard troch de redaksje net opnommen, ‘omt wy miene dat Jo yn dizze saek dochs altyd min of mear “partij” binne’. Anne Wadman yn in brief oan Douwe Kalma, 9 desimber 1948. FLMD. 34 D.A. Tamminga, ‘Werwurd oan Freark Dam’. Yn: De Tsjerne, 3 (1948), 351. 35 Anne Wadman, ‘Dichterlike jiergong’. Yn: It kritysk kerwei. Ljouwert, 1990, 137. 36 Fers ‘Torêch’, ornearre foar Sinne op 'e striesek, mar net opnommen. Hânskrift, FLMD.

Trotwaer. Jaargang 32 15

Tegels Meinou P.

It ferhaal waard dien op in jierdeibesite. De gastfrou hie allinnich mar freondinnen útnoege. We koenen elkoar allegearre wol in bytsje, mar dejinge dy't der mei kaam wie nij yn it selskip. Se wie jong en moai en fertelde mei verve. Se hie op in hjerstige dei mei in protte wyn en rein in kuier mei de hûn meitsje wollen en wie nei in poel riden dêr't jo omhinne rinne kinne en dy't grut genôch is om wurch werom te kommen. Op it parkearplak dat moai tusken de beammen beskûle leit, stie net ien auto en dat hie har nei't sin west, want de iennige reden dat se dêr net faker kaam, wie dat in protte hûnebesitters fan dy útlitmooglikheid op 'e hichte wienen. Se wie noch net op de helte fan it modderige paad om it wetterke doe't se it slemilige mantsje seach. Hy hie har ek sjoen, want hy fluite syn hûntsje dat achter de einen oansiet en bûn him in stik tou oan de halsbân. Doe't se elkoar foarbygongen, seach er har net oan en op har ‘hoi’ grommele er wat yn it fan kleur fersketten burd. Doe't se by de auto werom kaam, seach se dat der in stik papier ûnder in glêzewisker fêstklemd siet. In neakene frou mei ballonneboarsten, in wespetaille en in derriêre dêr'st sa achterop springe koest, lake har leidich ta. It wie in útskuorde foto út in seksblêd. Yn 'e marzje stie yn knoffelige blokletters skreaun: Wil je nueken? Druk dan 3x op de klakson Se wie al hast wer thús doe't se betocht dat de gadingmakker wol earne yn 'e boskjes ferskûle sitten hawwe moast en dêr krige se wer einepikefel fan.

Eins koenen wy der net ûnder út: it moast wol in aardich mantsje west hawwe. Hy hie har net de skrik op 'e lea jage troch har, doe't se elkoar tsjin kamen, plan-út in frijaazje foar te stellen en sa hoegde sy net te bearen dat se pine holle hie, nee, ien en oar waard diskreet regele. It hie ek wat earmhertichs fûnen wy, dat keardeltsje dêr yn de boskjes dat mei it hûntsje tusken de bledsjes troch gnúfde om te sjen oft se der hast oankaam en dat fol spanning wachte op de begearde trije toanen. ‘En as it no in prachtige, seksy man westhie?’ oppere immen. ‘Dy't in romantysk briefke skreaun hie sûnder flaters...’ ‘Zeker ook nog in geef Frysk?’ ‘Op in bledsje út de VPRO-gids....’ ‘Mei in pear lette koweblomkes derby....’ ‘Ja, wat dan? Wat hiest dan dien?’ It waard stil. Wy seagen har ôfwachtsjend oan. Se gong rjochtop sitten, struts it lange, blûne hier dat har foar de eagen hong nei achteren en sei: ‘Dan hie ik de auto start, ien kear lûd en lang toetere, de twadde kear noch langer en dan,.... dan wie 'k mei plankgas fuortflein.’

Trotwaer. Jaargang 32 16

Baukje Wytsma

Gers

Fertel fan it gers, feroarlik behang fan de bernetiid. Soms beweecht it yn weagen as ûnferwachts de wyn oer it lân fleaget en kleuren glydzje lit fan ljocht nei donkergrien.

Ivich duorret de reisfan fan ûnwennigens.

Fertel fan it gers as sachte waarme tekken op in simmerjûn. Oer bloedreade wyn dy't yn de glêzen fûnkelt en ferhalen komme lit fan in ferlerne leafde yn in nacht fol ferlossende triennen.

Ivich duorret de reis fan hope.

Fertel fan it gers by de seedyk, it hurde, it wrede, rynsk besiedde mei droege skieppestront. Oer hoe't it wetter dêr boartlik de basaltblokken oantikket, ritmysk slikket as in grut en freonlik bist, ferrêde fan toarst.

Ivich duorret de reis fan langstme

Trotwaer. Jaargang 32 17

Fertel fan it gers, platwâlde by in sleatswâl, oer it hoedzjende skaad fan de wylgen, skûlplak foar de swijsume fiskerman. O, hy hat seeën fan tiid. Boppe it waarmbrune wetter dûnsje de michjes, einen kweakje it byld werom.

Ivich duorret de reis fan werkenning.

Fertel fan it gers om de ferlitten grêven. Oer de man mei de seine, it fiere rikken fan it lûd fan de harhammer, it kriezjen fan it grint. Lês sa no en dan lûdop de bekende nammen dy't op dyn eigen namme lykje.

Ivich duorret de reis fan berêsting.

Trotwaer. Jaargang 32 18

Turkije: Termessos Douwe Kootstra

It is foar it earst fan myn libben dat ik yn in splinternije wite Lada stap; noch gjin fyftich kilometer op 'e teller. Probleem: ik kin him mei gjin mooglikheid yn de achterút krije. In jonkje fan 't ferhierbedriuw docht it foar; hy goait syn hiele lichem op de lange pook. Sa dogge jo dat. En ik fernuverje mei oer de Turkse gewoante om hierauto's mei in lege tank oan te leverjen. It is 22.48 oere en neare nacht as ik eastlik fan Antalya de kustwei opdraai. Ynearsten in reis mei twa doelen: in benzinepomp en ûnderdak.

Nei in heal oerke riden kin ik ferromme sykhelje; foar in getal mei seis nullen krij ik benzine. De freonlike slangehâlder skriuwt it foar my op in briefke om't safolle sifers net op syn meter passe. Ik nim my foar en berekkenje moarn wat soks yn echt jild koste hat. Hoeden lavearje ik fierder troch de heldere Turkse nacht en ferflok de idioate oankomsttiden fan de charterfluchten. Om tolven hinne fyn ik ûnder it stedsje Serik in hoteltsje. It is noch altiten bot near. Op de keamer njonken my wurde fortissimo sênes út in Mediterraan folkstoaniel repeteard. In mear as lulke frou raast en gûlt. Ut en troch hear ik wat tsjin de muorre bûnzjen - in holle, in foet, in lichem? It leven wurdt ôfwiksele troch in swier manljuslûd dat kalm ynpraat op de hysterise frou. Yn myn tinne lekkensekje besykje ik my in foarstelling te meitsjen fan de spilers en de yntrige. Spitich dat ik gjin Turks ferstean. Ik lis stil te harkjen. My deljaan is noch fier ôf. In doar slacht en pipet. Stappen op 'e gong. Elk momint ferwachtsje ik dat myn doar iepenfleane sil.

De oare moarns liket alles sa't it heart: sinneskynwaar, in blauwe loft en op it terras kofje, lytse oliven, stikken komkommer, witebôle en in hurdsean aai. Under myn parasol wei sjoch ik om my hinne: wa fan it hantsjefol gasten soenen de nachtlike akteurs wêze? Ik kom der net út; faaks binne se al lang fierder op reis it grutte Turkije yn. Dat leit foar my, fier achter de teannen fan it Taurusgeberchte. It dekor fan no jout beskûl oan sa'n 4000 jier skiednis, smoarfol oerbliuwsels fan antike bouwurken dêr't rigen nammen by hearre fan goaden, keningen, tirannen, besetters, oerwinners en ferliezers. Ik sil in kar meitsje moatte. Ien ding is my hiel dúdlik: ik wol dizze ferrampoaide Turkse Rivièra sa gau mooglik achter my litte. De wite swaarmen mei de dikke liven út Noard- en West-Europa

Trotwaer. Jaargang 32 19 benearje my like bot as op oare stikjes ierde dy't offere binne op it alter fan it massatoerisme.

In smelle wei. In lânskip. En benammen in sinne. En ek al is it noch mar maitiid, hy sil foar in part myn dei-yndieling bepale. Ik jou my der daliks ûnder del, safolle haw ik al wol leard. Ik ryd yn myn nei fabryk rûkende Tofas Serçe oer de kustwei, nei it westen, rjochting Termessos, de oerbliuwsels fan in antyk stedsje dat oant no ta mear fragen as antwurden opsmiten hat. Fier foar my moat it ergens heech yn de griene heuvels ferstoppe lizze. De kar is makke. De spoaren fan de ferneamde hearskers út de haadstêd Rome - yn dit lân rojaal en geef oanwêzich - binne my sa stadichoan aardich bekend. De Romeinen wienen oeral, en ik ek, dus wy hawwe elkoar al gauris troffen. Yn de gaos fan de skiednis wol ik no op syk nei oare spoaren. Yn it Turkije dat achter de kust foar it ljocht komt, fiel ik my thús. Heech boppe de fjilden fol weet, hjouwer en abrikoazebeammen draaie earrebarren langhalzjend harren ynternasjonale goreografy. Boeren bespuitsje it lân mei wetter, ride der mei in trekker oer om it stikken te skuorren of sitte in oerke fierder yn it koarte skaad fan dat iene beamke tee te drinken. En oeral rinne hinnen, hûnen en skiep. Yn de berms fan de noch nije wei sykje hoeders mei keppels geiten nei fretten. Sy groetsje stadich. Mei it each op de machtige regisseur boppe my haw ik my foarnommen it kalm oan te dwaan. Stêden dy't al tûzenen jierren op my lizze te wachtsjen, fereaskje gjin westers tempo; allinne de retoerdatum op myn ticket is in grins yn de tiid. In tiid dy't hjir stadiger liket te gean, sa stadich as it hân opstekken fan de âlde hoeders. Ik beslút in om wei te meitsjen en op in nije dei de beklimming nei Termessos te weagjen. Myn ekspedysje sil ier en betiid wêze moatte om't oars de hjitte net mear te fernearen is. In omwei giet hjir altyd fan de kustwei ôf. De dikke reade streek op de kaart foarmet de wichtichste east-westferbining yn in ryk dat mei ien skonk yn Europa en mei de oare yn Lyts-Azië stiet; wrâlden fan utersten. Yn myn deeglike ferfiermiddel folgje ik in weike nei it noarden. De moderne wrâld lit ik hurd achter my. As wienen se knipt út de perfekte natuerfoto, sa sitte trije iisfûgeltsjes op in elektrisiteitstried. Der moat dus wetter wêze, streamend wetter. Al gau kom ik by it rivierke dat hastich ferdwynt yn in djippe kleau. En ik ferfeel my gjin tel. Yn oare doarpkes hie 'k se al riden of (benammen) stilstean sjoen en hjir pronket wer in spantsje: âlde, Bordeauxreade Jawa-motorfytsen steane op houten blokken, wachtsjend op in achtertsjil. Paad en hûzen hâlde op by it blau-

Trotwaer. Jaargang 32 20 we lyntsje dat ek oer myn kaart rint. Alles kloppet. Ik hear Turkse muzyk. Trouwens, wêr hear ik dy net? It komt út auto's, hûzen en kafees. As ik it heldere wetter folgje, wurdt de natoer de baas. Yn de wrâld fan de iisfûgel en it oanboazjend frjemdlingeferkear hat ek in hûshâlding syn bestean fûn. Ik kom by in houten keetsje mei in terraske heal boppe de rivier, hoede troch de blêden fan in ûnbidige iik. ‘Forellen te keap’ hat in net oefene hân op in plankje kwattele. En sa yt ik mids de stilte fan it wetter in roastere fisk. Ik haw it skoan oan tiid om't ik bûten it berik fan de machtige tûken fan pake iik op dit tiidstip ek neat te sykjen haw. Ja, doch my noch mar sa'n treflik glês Turkse ranja.

Op de weromreis, súdlik fan de stêd Antalya, komt de soarch fan elke frjemdling dy't de dei koartsjen sjocht: ûnderdak. Ik wol om allerhanne redenen graach yn in lyts doarpke in bêd fine. It leafst foar mear nachten sadat ik in fêste útfalsbasis krij. Dat falt smoarch ôf. Ik ryd fan adres nei adres mar alles sit fol. Al hast in oere sutelje ik mei mysels. Op 't lêst kom ik net iens mear út de auto. Ik loer troch myn fiersjoggerke oft it buordsje ‘fol’ ek oan de gevel hinget. En och, hoe giet soks almeast: men is wurch, smoarch en beswit, hat toarst en sin oan iten. Nettsjinsteande myn goeie foarnimmens oangeande it brede skala oan argewaasjes dêr't de reizger faak mei te krijen hat, wurdt it sin der net better op. Mar dan is dêr dy sinesappelplantaazje, ien fersnelling bûten in doarpke. Ik rûk de blossems. Der rint in ferhurde paad troch en oan it begjin fan it paad stiet in buordsje mei in tekst dêr't ik allinne it wurd ‘pension’ fan herken. Ik dirigear myn Lada stadich ûnder de beammen troch omheech en kom út by in nijeftich hûs dat tsjin in heuvel leit. De jonge frou dy't daliks op my ta komt, seit dat harren pension eins noch net klear is. Mei hannen, fuotten en de rest fan de wrâldtalen fertel ik har dat ik miskien al tweintich adressen hân haw en dat sy myn lêste hope is. Se knikt, glimket, ferdwynt in skoft yn 'e hûs, slippert werom en meldt dat it kin. Nei de gebrûklike rituelen oer de priis, hantsjeklappen is der noch krekt net by, akkoartsje wy. Alles is gloednij; jo binne de earste gast menear. En dat is wier want myn wichtichste taak is it út it fabryksplastic dopjen fan matras en dekbêd. As de Turkse nacht oer de beamtoppen tichterby slûpt, tel ik myn segeningen. Myn keamer komt út op in mienskiplik dakterras dat útsjoch jout op fiere bergen. In koar fan imerkes stiicht boppe de sinesappels út. Tefreden hingje ik oer it muorke. De izeren moanne spegelet himsels yn de Middellânse See. Al gau krij ik selskip. Behalve in soele wyn is dat in âlde Turkse frou dy't in floed oan primityf Dúts op my loslit. Se hat sa'n 20 jier yn Dútslân wenne en is hjir op besite by har dochter dy't in oplie-

Trotwaer. Jaargang 32 21 ding krijt yn it hotelfak. Se is wurch want se hat in busreis fan 15 oeren achter de rêch. Se komt fan fierrens, dat op nei de Dardanellen. As ik har fertel hoefolle muoite it my koste om dit ûnderdak te krijen, laket se. ‘Türkisches Weihnachten,’ seit se. ‘Elkenien hat no trie dagen frij en slachtet in skiep of geit.’ No wurdt my in soad dúdlik. Doe't ik in slach troch de sinesappelplantaazje die, seach ik ta myn ôfgrizen in pear farske skieppekoppen yn in kroade lizzen. De rest fan it slachtôffal wie sa heal en heal bedobbe; in pear fellen en bellen hongen noch oan in tûke. En yn it doarp snienen in pear manlju in skiep yn stikken; de terms spielden se út yn it streamke njonken de wei. ‘Türkisches Weihnachten’ kin ik fansels neat mei. Letter begryp ik dat de bewenners fan myn gastlân massaal it offerfeest Id al-Adha fiere, ien fan de twa jierlikse feestdagen fan de Islamitise kalinder.

Al betiid dirigear ik myn Turkse Rus de bergen yn. De restanten fan de stêd Termessos lizze heech op de flanken fan de berch Güllük yn in nasjonaal park. Myn regisseur is al út syn hoale en lit my fernimme dat ik hjoed wer omraak rekken mei him hâlde moat. Ik bin der samar. It parkearterrein by it natoerpark dêr't Termessos yn leit, is leech mar de man by de slachboom is al warber. Neffens de kaart sil ik noch in twa kilometer klimme moatte foardat ik der bin. It keningspaad sigesaget nei de boppeste stedsmuorre. Dat is yn alle gefal dúdlik, stel ik tefreden fêst. Ik gûchelje mei myn primitive plattegrúntsje. Ik mei der graach oer as teory en werklikheid op elkoar passe. Dat hat der hjir wol oan. De natuer krige tûzenen jierren de tiid om Termessos te oermasterjen en ferdwine te litten. De festing bestie al fier foar it begjin fan de jiertelling mar pas hiel let, yn 1841 stuite in Dútse wittenskipper op de ruïnes. Ik stel my dêr fan alles by foar. Jo witte dat der wat wêze moat; de boarnen binne oer alles dúdlik, behalve oer de lokaasje. Ja, súdlik Turkije, net fier fan de see mar krekt yn dy regio hawwe Griken en Romeinen ek in gigantise rige stiennen spoaren neilitten. En jo moatte miskien wol Dútser wêze om dan de hiele streek grûndlich út te kjimmen. Berch op berch ôf, yn 'e gleone sinne, dwers troch de bush. Mar doe fûn er ek wat, dy menear Schönborn. In Psidise stêd sa't dy noch net earder foar it ljocht kommen wie. Sa heech yn de bergen, sa min te berikken, sa goed fersterke, sa feilich fier fuort fan de fijân. De kolleksje ruïnes krige wer in namme; Termessos bestie wer. Ik haw it makliker as Herr Schönborn. Der rint in smel paad stadich omheech. Neffens de tekst by it plattegrûntsje moatte ‘the vibrations from the past’ no sawat begjinne te kommen. Wat fiel ik, behalve dan de al tanimmende waarmte? Ik fiel yndied it ferline en dat sil dan in kombi-

Trotwaer. Jaargang 32 22 naasje wêze fan ferbazing, bewûndering en it plak dêr't ik bin, seker as ik heger kom en oer de restanten fan it gymnasium knoffelje. De yngong, in mânsk, rjochthoekich stiennen kezyn stiet der noch. Heech riist it op mids in samling nuddelbeamkes dy't earbiedich bûge yn de waarme seewyn. Ik wit graach wat ik sjoch mar in protte muoite kostet it wol. Oeren begroeide paden en paadsjes dogge der alles oan om dizze puzels út in skier ferline ferside te hâlden. Dizze reizger hat it lykwols de hiele dei oan tiid dus stap ik hoeden by de restanten fan in timpel del. In bult grouwe stiennen, mear net. Ik lês it allegear yn de boekhâlding fan de antike wrâld. It moat yn de fiifde ieu nei Kristus bard wêze. Nee, gjin minskegeweld dat Termessos oerwûn. De ierde skodde foar de safolste kear en fernielde it wettersysteem dat basearre wie op it opfangen fan reinwetter om't der yn de omkriten gjin boarnen wienen. De bewenners fan Termessos sochten doe in oar plak om har nei wenjen te setten. Lang, hiel lang ha se it hjir folhâlden. Sels Alexander de Grutte moast yn 333 foar it begjin fan de jiertelling lang om let tajaan dat dizze beboude berch net yn te nimmen wie. De grutte strateech bivakearre mei syn leger dagen ûnder de steile stedsmuorren dêr't sels no noch in part fan oerein stiet. Hy stelde de ynwenners fan Termessos earst foar, harren frijwillich oer te jaan. Dy seagen dêr it nut net fan yn en Alexander foel de stêd ferskate kearen oan, ferlear twa kommandanten en gâns soldaten. Omdat er op trochreis wie en noch folle mear Azië ha woe, seach er yn dat de offers foar it ynnimmen fan allinne mar in fersterke berchtop te grut wurde soene. In bêste ferliezer wie er net. Went om alles te winnen en te krijen liet er út klearebeare frustraasje de tûzenen oliifbeammen op de hellings omkappe. Sa ferlear Termessos net syn selstannigens mar wol syn wichtichste boarne fan ynkomsten. De skiednis fan dizze stêd is útsoarte ien lange striid om de kostbere ûnôfhinklikens te bewarjen. Ik moat goed útsjen wêr't ik rin, want gjin fjouwerkante desimeter is flak. En in lange broek hie miskien in bettere beskerming west tsjin allerhanne soarten stikels en toarnen. Dochs arrivear ik lang om let op it heechste punt: it amfyteater dat as in kroan op de kop fan de berch pronket. It meast geve bouwurk fan de stêd. De machtige hân fan de ierde hat ek hjir syn struiwurk dien mar fierder as it tonielgebou is er net kommen. Ik klim nei de heechste omgong en sjoch noch hegere bergen om my hinne, in stripe fan de kustdelta en de fiere see dy't wei wurdt yn in blau-grize dize. Oare minsken binne hjoed safier noch net kommen. Ik mei dêr graach oer. Wat stiller wat better. As ik my omdraai, falt myn each op hellings fol enoarme stiennen dy't gjin stiennen blike te wêzen as

Trotwaer. Jaargang 32 23

Alle deadehûskes binne leechhelle. (foto Douwe Kootstra) ik myn fiersjoggerke der op set. Dêr leit de deadestêd fan Termessos; it binne tombes en sarkofagen dy't as troch in bombardemint útstruid lykje oer in lânskip sa wiid dat it amper te beëagjen is. Guon puntdakken stekke opfallend boppe de begroeiïng út, grif mausolea konkludear ik, komplete hûskes boud op in konstruksje fan grutte rjochhoekige stiennen. As leafhawwer fan tsjerkhôven mei ik dizze gigantise akropolis net oerslaan. Ik sjoch wol wat tsjin myn lêste ekspedysje oan. De helling fier foar my dy't lang lyn troch in reuzehân oanrekke waard, leit te triljen yn de stille hjitte fan de foarmiddei. In al wer like smel paadsje dûkt nei ûnderen en wynt dan steil omheech. It oersjoch bin ik even kwyt; swit rint my by alles del. Op dit terrein fan inkeld heide, keale rotsen en leech strewelleguod is gjin skaad mear te finen. Sels yn de moderne tiden moat de frjemdling der wat foar oer ha om Termessos yn syn hiele hear en fear te besjen. Ik begryp no wêrom't de Romeinen gjin oanstriid hiene en beset dit oarde, alhiel tsjin harren striidbere gewoante yn. Se pakten it handiger oan as Alexander de Grutte en sleaten yn 189 foar Kristus in fredesoerienkomst mei Termessos. It âlde ferhaal: de stêd kaam ta noch gruttere bloei en de gebouwen

Trotwaer. Jaargang 32 24 dêr't ik no om- en trochhinne dwaal waarden doe set. Neffens de kaart bin ik op in hichte fan sa'n 1100 meter. Ut de fierte sjogge alle tombes, of hoe't se ek mar hjitte meie, der gelyk út. No't ik der tuskentroch skarrelje fernim ik dat op de foarkanten fan de puntige dakdeksels - soe it tafal wêze dat it krekt omkearde skippen lykje? - allerhanne ferskillende ôfbyldings beitele steane. In liuw, twa mantsjes, minskekoppen, in skyld, in spear, wapens, alles fersierd mei ranken en blêden en grif bedoeld om de boaze geasten bûten de stiennen doar te hâlden. Guon wienen ek ornearre as ferflokkings fan takomstige grêfrôvers. Mar doe't de libbenen fan Termessos harren deaden achterlieten, woenen lettere bewenners of besikers fan dizze rûge oarden ek harren oanpart yn de wielde fan de fiere foargongers en hellen alle deadehûskes leech. Oeral sit yn de sydkant in fiks gat dêr't maklik in pear (manljus?)hannen troch passe. Guon bouwurken lykje te balansearjen op harren ûnderbou. Ek no skoddet de ierde noch wol ris en ik haw begrepen dat it Termessos fan ûntdekker Schönborn der gever út seach as de stêd dêr't ik no bin. Ik rin stadich fierder troch de iensume stilte en de noch altiten tanimmende hjitte; it is altiten dyselde fanatike gek dy't op it gleonste oere fan de dei fan alles moat. En ik bin der noch net. Troch myn kikerke ûntdek ik links fan my yn de hege, steile rotsen allerhanne fersierde, fjouwerkante gatten, ek grêven. Ik hoech lykwols alles net fan tichteby te besjen. Safolle dea en skiednis om my hinne is ynearsten genôch. Ik jou my del yn it beheinde skaad fan in tombe, drink myn twadde fjildflesse mei wetter leech. Yt in tomaat. Noch altiten bin ik allinnich. Troch Termessos sels bewege al in pear figuerkes, mar de nekropoal sil te fier ôf wêze.

Ik lit it lânskip oer oan de sinne. In oere letter stean ik by de auto. Op it parkearterrein falt myn each op in wol hiel lytse karavan. Tsja, en it sil ris net: ‘ús dopke’ stiet der op. Ik sakje rjochting kust. Arrivear op myn plakje en lit mids de roken fan de sinesappelblossems ieuwen ferline yn my omgean. As de gleonkop al lang ferdwûn is achter de bergen dêr't ek Termessos beskûl fynt, kuierje ik nei it doarpke oan de haadwei. De frisse jûn is in beleanning foar myn ynspannings. Achter de swarte doar fan de nacht sykje ik in stoel yn in binnentún fol blommen en hearlike itensroken.

Trotwaer. Jaargang 32 25

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (1)

In Avéro-toer fan 113 meter heech krekt bûten de stedsgrêft en ien by de Fryslân Bank fan fyftich meter der krekt binnen, komt dat wol goed? Jawis wol, sei tuorrebouwer Abe Bonnema op in sprekbeurt foar de Friese Bouwkring: Als er bijzondere dingen gebeuren, krijg je altijd emoties. Ik vind het geweldig. In kon nooit wat, maar nu is de stad echt met iets bezig. Laat het een keer fout gaan, dat is niet erg. Als een stad niet beweegt, gaat-ie dood. Niet zeuren! (LC 30/11/99)

Abe, Avéro en de gemeente Ljouwert

In toer fan mear as hûndert meter. It mei fan my. Lit it platte lân mar sjen wêr't de stêd is. Meitsje mar dúdlik wat Fryslâns haadstêd is. Toan de lju mar wêr't it wurk dien wurdt. Sjoch dy toer, sjoch wat der rûnom bart.... It is allinne wol in bytsje spitich dat sa'n Avéro-toer ek it sicht op de gemeentlike prestaasjes liket te ûntnimmen. Hoewol, op de fernijde Ljouwerter Nijstêd is in duorjend symboal foar it Ljouwerter ûnfermogen delset, yn de foarm fan twa treurich meitsjende lampegedrochten. Mei de nije brêge oer de Harnzer Feart, fertsjinje dy in priis foar de Ljouwerter wansmaak. Wie it boppedat wol sa nedich om de Nijstêd oan te pakken? Hie dat jild net better brûkt wurde kinnen om noch inkelde oare saken yn Ljouwert op te knappen? Wat bygelyks te sizzen fan it ta de protters razende Ruterskertier, mei dêrefter syn Molen-, Wolve-, Hania en Ipe Brouwersstege? Kinne Abe en Avéro dat net yn ien kear fan de gemeente oer- en meinimme? En hoe stiet it mei al dy wenbuerten dy't bitter nedich opknapt wurde moatte: kom ris yn it Lekkumerein, Efter de Hôven, de Frijheidswyk, Huzum, Wielenpôlle of efter de Grinzer Strjitwei. En dan haw ik it noch net iens oer in Ljouwerter Heidemar of Zanding dy't al lang, en sûnder emoasjes, op It Hearrenfean en yn Drachten realisearre binne. Abe en Avéro hâlde wol faasje, dy kantoaren komme wol. No de gemeente noch as it om it wenjen giet! Piet Hemminga

Zeven stellige vragen

1. Waarom de binnenstad van Leeuwarden op Leeuwarden lijkt en die van en Drachten op die van Ede, Emmen en Helmond? Tweehonderd generaties hebben Leeuwarden niet alleen (uit)gebouwd tot Friese hoofdstad maar hebben de stad zo verantwoord beheerd dat Leeuwarden tot de top- 13 van monumentrijkste steden van Nederland behoort. Functie en beheer zijn dus de sleutelwoorden. 2. ‘Oud’ is niet waardevol alleen omdat het ‘oud’ is. Het onderscheidt zich slechts doordat het niet ‘nieuw’ is. De binnenstad biedt een optelsom van wat honderden

Trotwaer. Jaargang 32 generaties waard vonden om te behouden. In die selectief tot stand gekomen optelsom zit een expliciete kwaliteitscomponent en voor huidige beheerders van deze lokale kroonjuwelen een bijzondere verantwoordelijkheid: ‘noblesse oblige’! 3. De eeuwenlange regententijd leverde wel

Trotwaer. Jaargang 32 26

mooie bouwwerken op maar geen volwassen democratie (het algemeen kiesrecht is nog geen eeuw oud). Dat mensen zich anno 2000 het lot van het beschermd stadsgezicht aantrekken en publiek debat willen over ingrepen daarin, is dan ook geen ‘gezeur’ (Bonnema) maar juist een democratische verworvenheid. 4. Het oude Amicitia-gebouw viel qua schaal en hoogte evenzeer uit de toon als zijn opvolger. Het is dan ook opmerkelijk dat velen juist naar die oudbouw terugverlangen... Is men toch gehecht geraakt aan detonatie? 5. De optelsom van wat tegenwoordig - met opgetrokken neus - ‘prestige-objecten’ zouden heten, vormt het hart van het onvolprezen beschermde stadsgezicht. 6. Geslaagde voorbeelden van nieuwe architectuur zijn Harmonie, Aegon, Wibrapand, Postbank, noordzijde Stadskantoor. Voorbeelden van gestolde treurnis: Vijzelblok en het gebouw rechts naast Kanselarij. Bouwen architecten nu aan de krotten van morgen of juist aan de monumenten van de toekomst? Negentig procent voldoet aan geen van beide criteria. Architecten: durf smoel te hebben. Waar is je vakeer? Wil een bouwer te snel of te goedkoop? Durf te weigeren! 7. Hoe hoger de torens van Leeuwarden worden, hoe dichterbij de binnenstad vanuit de buitenwijken kijkend lijkt te zijn. Met andere woorden: torens ontnemen je de illusie dat er veel stad om je heen ligt; ze maken de stad onbedoeld kleiner dan hij is.

Peter de Haan

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (2)

Bonnema moat net seure

Spitich, dat sa'n tûke útspraak troch twa tuskenrigels ûntkrêfte wurdt. In Leeuwarden kon nooit wat is ommers wer sa'n stereotypearring fan Ljouwerters en ynkommers dy't harsels hjirre dochs al diskwalifisearre fiele. It is earder oarsom: dat der nei ferrin fan in tal jierren wolris in skoftke net àlles mear kin yn Ljouwert. Foaral de bouwers ha eins nea kleien hân. Bonnema sels hat dochs ek earder al moai wat stedske grûn bebouwe kinnen? Nee, it soe troch syn krewearjen yn 'e rjochtseal aanst wolris sa wêze kinne, dat derneat-mear-kin. Hie de rjochterlike útspraak dy't it ôfbrekken fan ien fan syn gebouwen ferbea (en dy't Bonnema sels as de bêste arresten fan de ôfrûne jierren sjocht), al wat earder jilden, dan hie er nea de âlde RHBS oan it Saailân ôfbrekke kinnen om plak te meitsjen foar syn justisjeel tegelblokje..! Mar ja: Laat het een keer fout gaan, dat is niet erg. ‘Niet erg’? It is ferskriklik! Eltsenien kin wolris in flater meitsje en dat soe men faaks ynskikke kinne, mar dêr wurdt it fansels net minder slim fan. En by in arsjitekt is it hielendal mis. Hoe lang moatte oaren wol net tsjin sa'n ‘flater’ oansjen of der alle dagen yn arbeidzje? Miskien wol yn alle ivichheid, as der neat mear fan Bonnema syn ‘wurkfan-alluere’ ófbrutsen wurde mei om in oar ek ris de kâns te jaan, om een stad te laten bewegen en om mei bijzondere dingen emoties op te roppen.

Trotwaer. Jaargang 32 En zeuren? Dat moat gewoan kinne fansels. Abe Bonnema sels is dêr mei syn In Leeuwarden kon nooit wat, by syn skeel oer de útwreiding fan it MCL en oant yn 'e rjochtseal it moaiste foarbyld fan..! Frâns Holwerda

Trotwaer. Jaargang 32 27

Skriuwe mei in fiktyf aliby Durk van der Ploeg

Op 26 septimber 1999 wie der yn it tsjerkje fan Sibrandahûs in sympoasium oer de Dongeradielster romans fan Durk van der Ploeg (1930). De skriuwer hold dêr in lêzing oer de lokaasjes en de autobiografyske achtergrûn fan De Jacht (1988), It Wrede Foarjier (1994), Reis nei de Kalkman (1995) en It lekken oer de spegel (1995). Syn justjes bewurke tekst folget hjirûnder. (Fan 18 febrewaarje oant 31 maaie hat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert in útstalling oer Van der Ploeg en syn oeuvre.)

In jier as wat lyn ha ik mei in ploechje minsken út Dokkum en omkriten nei Ealsum en Wetsens ta west. It wie dy jûns om te fernikkeljen, mar se woene en soene inkelde lokaasjes besjen, dy't foarkomme yn de roman De Jacht. Se hiene my frege dêr wat by te fertellen. Net dat se oan it lêzen fan dat boek gjin genôch hiene. Mar om't se wisten dat der mear wie as wat se lêzen hiene, woene se dat sjen en stean op it plak dêr't lêsûnderfining har brocht hie. Se woene witte wat ferbylding bydrage kin oan feitlikens. En wat feitlikens tafoeget oan wat se lêzen hiene. Ik mocht - mei de rêch op 'e wyn - stikjes foarlêze, want dan hiene se de libbene by de deade. Te Ealsum koe ik harren It Heech sjen litte, dat fergroeven terpstik fan Mockema-State, dêr't Geeske Bloemkamp har yn 1936 nei wenjen sette. Se woene yn It Leech stean, dêr't Lútsen Idsardi stie by syn earste moeting mei Former Bloemkamp. Ek namen wy dat stikje Ealsumerfeart mei de Heabrêge yn ús op, dêr't Former Bloemkamp breinroer trochhinne kloete, mei de bedoeling Lútsen Idsardi in ôfstraffer te jaan. En wat sjochst dan? Ja, wat sjochst dan? Dat ha ik my ek ôffrege, doe't wy dêr mei in man as tweintich yn 'e kromming fan 'e feart stiene te blaubekjen. Feitlik seachst oars net as in fan myn ferbylding ferfrjemde eintsje feart. Earst doe waard my dúdlik hoe grut it ferskil is dat der leit tusken in út it ûnthâld optekene lânskip, en wat de werklikheid ús nei safolle jier neilitten hat. Ik spande my yn om bylden út de roman, én wat wy seagen, sadanich ta te ljochtsjen dat ik de wierheid gjin geweld oandwaan hoegde. Ut fragen hat my doe bliken dien, dat sadree't de romanlêzer oanwiisbere dingen yn de tekst sinjalearret, de ferbylding fierder giet as de roman, en hâldfêst siket yn it taastbere. It liket wol dat mei dy werklikheid de persoanen út sa'n roman ynienen echt begjinne te libjen en in mearwearde krije, mei't se yn in histoarys dekor komme te stean. Fansels, it bleauwen minsken fan papier. En dochs, as wiene de persoanen net mear los te tinken fan it plak dêr't ik se situearre hie. Om it mei in oar foarbyld ta te ljochtsjen. Wa hat net yn 't ûnthâld dat der yn it fjild tusken Deinum en Blessum in boer wenne hat dy't him Haitze Karstes Holwerda skreau. It makket alles sa

Trotwaer. Jaargang 32 28 oanwiisber te bereizgjen, en bewiisber oanwêzich. Mar safolle wierheid en wissichheid, dat wie oars net wat ik bedoelde by it skriuwen fan de roman. As ik bekend terrein brûk om in ferhaal te lokalisearjen, doch ik dat net as soe ik in soarte fan sosjale geakunde skriuwe. Want ek de werklikheid wurdt - foarsafier't ik dy nei myn hân set - in ûnderdiel fan myn fantasy. Ulbe van Houten situearre syn Haitze Holwerda ek net op it plak dat mei de werklikheid oerienkomt. En doe't Reinder Brolsma yn Groun en Minsken it Stringsein oan 'e Stienzer Hegewei situearre, waard dat ek in gearmjuksel fan lokale topografy en geografy. Ik brûk in ierdrykskundige beskriuwing, om't ik dêrmei in wrâld om my hinne skep dy't my ynspirearret op grûn fan kennis en ûnderfining. Ik wol noch in stap fierder gean. Ik brûk sa'n ierdrykskundige beskriuwing om't myn langst, myn lok en myn eangsten dêr lizze. Ik tink my in wrâld yn dy't net los stiet fan mysels, sûnder dat dêr daliks werkenbere autobiografise eigenskippen oan ferbûn wurde kinne. Ik pleats myn fantasy yn in werklikheid, en lit myn personaazjes libje op plakken dy't troch myn ûnderfining ferrike waard. Ik eksploitearje de couleur locale, om't ik wit hoe't minskelibbens, karakters, seden, noarmen en nammen dêr fanâlds funksjonearre ha. Myn personaazjes steane as sadanich likemin los fan de werklikheid as dat it lânskip dat docht. It is dêrom net útsletten dat ik ierdrykskundige sitewaasjes feroarje, lykas ik besteande persoanen omfoarmje ta personaazjes. Ik beskriuw sa'n Ealsumerfeart net om it lânskiplike plaatsje neffens de natuer oer te bringen. Hie dat sa west, dan hie ik better it fototastel nimme kinnen en meitsje in fotoboek mei wiidweidige ûnderskriften. Of ik hie my - om in pear folslein ferskillende útgongspunten te neamen, my pleatst yn it fuotspoar fan in Thijsse, in De Stoppelaar of in Nescio. Of ik wie - wat my tige moai talike hat - lânskipsskilder wurden. Stel, der soe in boerewein troch ien fan myn lânskippen ride, mei op it foarkret in man, dan soe sa'n manspersoan fergelykber wêze mei in personaazje út ien fan myn romans. Geandewei - want wy steane yn gedachten dêr noch altyd mei dat ploechje minsken by de Ealsumerfeart - krige ik sa it idee, dat guon fan myn gehoar dwaande wiene personaazjes út De Jacht histoarys te ferklearjen. Of noch slimmer, harren de personaazjes histoarys ta te eigenjen. Want leit it net foar de hân, dat as jo besykje lânskiplik de wierheid benei te kommen, dat de lêzers dêr dan ek autochtoanen by sykje? Op deselde wize lykas ik by it skriuwen soms âld-Ealsumers foar eagen krige? It woe my talykje, dat guon fan myn ekskursionisten der muoite mei hiene ferbylding en werklikheid útinoar te hâlden, en Former al troch de feart kloetsjen seagen. En faaks ha guon Hinke smeekjen heard dat er Lútsen net deameitsje soe. Hoe dan ek. Se seagen yn alle gefal net wat ik seach, doe't ik dy sêne skreau, en Hinke plat op 't liif op 'e Heabrêge Former smeke Lútsen net op it libben te gean. Ik seach by it skriuwen fan dat fragmint de Ealsumerfeart, mei dêroerhinne it tsjustere gat fan 'e Heabrêge, lykas ik dat as bern yn my opnommen hie. Dat wol sizze, net frij fan bernlike ôfmjittings en romantyk. En ik pleatste yn dy feart de blanklakke skou, lykas ik dy as bern by de fisker Minneboo foar de wâl lizzen sjoen ha. En yn dy skou stie in manspersoan dy't ik betocht oan 'e hân fan in besteand wêzen, dat as personaazje mines waard. Sa gearstald is de romanwrâld no ienris.

Trotwaer. Jaargang 32 29

Mar hoe sit it dan, lieten dy lju har dy jûns earen oan 'e kop naaie? Nee. Dat net. Myn ferbylding, dy't harres wurden wie, paste yn in werklikheid. Mar harren werklikheid wie mines net, om't ik in werklikheid benei kommen wie út ûnthâld en ferbylding wei. Dy ferbylding woene se hifkje oan oanwiisbere feiten. Feitlik wie op dat stuit dy feart foar harren like frjemd as foar my. Want ik moast dy jûns fertellendewei myn fiksje fertale nei in werklikheid dy't foar elk wer oars wie. Utsein de kâlde wyn. Ik fûn de feart gâns smeller, en de natuer wreder as dy't ik beskreaun hie. Myn gehoar socht werkenning en befêstiging fan wat se út myn ferbylding lêzen hiene. Mar ik wie, eardat ik yn 1982 begûn te skriuwen, al dy lokaasjes net ôfreizge om te sjen hoe't de wrâld derby lei, en oft it allegearre wol kloppe mei wat ik yn 'e holle hie. Ik beskreau de feart lykas ik dy fjirtich jier earder mei berneeagen yn my opnommen hie. En myn ferhaal spilet fjirtich jier earder. Ik hie dus net dien wat myn lêzers efterôf wol diene, en dêrby fan my ferantwurding easken yn hoefier myn fiksje de werklikheid al of net geweld oandie.

Is der dan wat ûnbefredigjends yn fiksje dy't spilet op oanwiisbere lokaasjes? Ik tink fan net. It is earder sa, dat it skriuwen fan fiksje op noch besteande lokaasjes wat oantrekliks hat foar wa't de streek kenne. En dat de autintisiteit yn sa'n gefal even fierder rikt as wat bygelyks de Amerikaanse skriuwer Paul Auster oer New York skriuwt, komt omdat lânskiplike faktoaren en de ôfhinklikens dêrfan, yn in roman as De Jacht folle mear ta de ferbylding sprekke as in labyrintys lânskip fan in wrâldmetropoal. Dokumintearre fiksje weakket, foar wa't kunde hat oan de streek, gefoelens los. Gefoelens, dy't de lêzer nijsgjirrich makket nei de werklikheid as befêstiging fan dat fielen. Al freegje ik my dan ôf wat der dan field en befêstige wurdt. In oan wissens grinzjende wjerskynlikens? Myn ferbylding? Of in metafoar? Fansels, der leit yn de fertelling fan De Jacht in grûn fan wierheid, dy't fiksje foar guon minsken oannimliker makket. Mar moat fiksje oannimlik makke wurde op grûn fan feitlikens? Krekt net. Fiksje ûntlient har oannimlikens oan foarm en styl en fertelling. En wat de werklikheid dêroan tafoeget is foar my in oan de werklikheid ûntliende fiksje. Ik bin bliid dat der hieltyd wer minsken binne dy't op 'e stoffe fan in roman trochtinke, omreden dat se by it lêzen oanrekke waarden fan autintisiteit. Mar soks mei noait absolút steld wurde. Hoe't wy der ek tsjinoan sjogge, dat gebiet tusken ferbylding en werklikheid hat wat yntrigrearjends. En dat ik yn dat ierdrykskundige skriuwen net allinne stean docht bliken út in bloeiend literêr toerisme, mei bus-, boat-, fyts- en kuiertochten troch dy grinsgebieten fan Dichtung und Wahrheit. Lykwols, it hat ek syn nuodlike kanten, as lju it har histoarys al te nei nimme. In frou, dy't frijwol al har libbensdagen te Ealsum wenne hat, bekende my in jier as wat tebek, dat se It Wrede Foarjier mar foar de helte lêzen hie. ‘Doe,’ sei se, ‘ha 'k it lulk fan kant smiten, want doe tocht ik, no liichst, Durk. En doe wie foar my de aardichheid derôf.’ Dy frou begriep net dat ik my in fiktyf aliby oanmetten hie. Mar ûnderskat dy lju ek net, dy't op it FLMD yn de neilittenskip fan ferstoarne skriuwers en dichters sykje nei wat taastbers. Lju dy de bril fan Obe Postma en it tabaksfetsje fan sjen wolle.

Trotwaer. Jaargang 32 30

It is yn de roman De Jacht foar it earst, dat in bekende omjouwing in beskiedende rol spilet yn myn wurk. Doe't ik yn 1980 begûn mei de tariedings foar dat boek, kaam der in kearpunt yn myn skriuwen. Stilistys wie dat al waarnimber yn de novelle De winter komt. Hie ik oant doe ta myn ferhalen mei gâns slaggen om 'e earm mear tocht as pleatst yn besteande sitewaasjes, dat feroare mei de romans De Jacht, It Wrede Foarjier, Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel. Al wol dat net sizze, dat de betsjuttings fan de lokaasjes yn dizze fjouwer romans hieltyd deselde binne. Deagewoan om't de yntinsiteit ferskillend is. It wie net allinne dat ik dy romans pleatste binnen myn eigen ierdrykskundige belibbingswrâld, ynklusyf in dêrby hearrende topografy. Se foarmje, by alle ferskillen yn opset, in ienheid om't lûd en wjerlûd fan de oarloch dêryn trochklinke. Ik tink dat elke skriuwer of skriuwster - werkenber of net - skriuwt oer eigen ferline, of streek of stêd dêr't hy of sy jierren wenne hat. Soks liket my in fanselssprekkend feit. Wa't net út eigen dekor en ûnderfining wei skriuwt, skriuwt út it labyrint fan 'e fantasy. Dat liket my foar in fertellend skriuwer, dy't oansluting siket by histoarys feitemateriaal, in ûnmooglike opjefte. Underfining en belibbingswrâld wie by myn Dongeradiele-romans sa wichtich as boarne fan ynspiraasje, dat de lokaasjes al yn 't foar fêst kamen te stean. Mar it wie net sa, dat doe't ik oer Ealsum en Dokkum en de Dongeradielen skreau, ik dat die as soe ik it oer in jeugdparadys ha. Wat by my altyd foarop stien hat wie, dat der gjin fantasy is dy't tsjin de werklikheid op kin. Oan 'e oare kant hat dat beskriuwen út sede en gewoante wei, en personaazjes foarme troch ferline en natuerlike omjouwing, ek syn gefaren. Sa'n belibbingswrâld, pleatst yn in histoarise kontekst, kin jo ferliedlik ticht by it naturalisme en it determinisme bringe. Dêrom, der is distânsje nedich, en de personaazjes meie net ôfhinklik makke wurde fan harren ferline of ôfkomst.

It wie om 1980 hinne doe't ik it plan opfette om in grutte roman te skriuwen. Ik woe dêryn in kultuerhistoarys byld sketse fan de Dongeradielen, lykas ik it yn myn jeugd belibbe. Dat wol sizze, tsjin de eftergrûn fan de krisisjierren en de oarloch. Om in ferhaaltried te krijen woe ik dêryn it libben tekenje fan in NSB'er. Dy roman waard De Jacht. Ik stelde my dêrby fragen lykas: Hoe komt immen derta om him oan te sluten by de NSB? Hokker maatskiplike of ûnmaatskiplike prosessen hawwe derta laat dat dy partij by de Steateferkiezings yn 1937 acht persint fan 'e stimmen krige? Hoe wiene de maatskiplike ûntjouwings dy't dêrta bydroegen? As bern hie ik yn 'e krisisjierren sjoen hoe't hjerstmis en winterdeis alle sneontemoarns in rige stimpelders by ús op 'e terp kaam om in soppich stimpel op in gruzich kaartsje, dat se by it loket fan 'e gemeente sjen litte moasten foar in wurkleaze-útkearing. Ik socht in polityk dekôr. Dat fûn ik njonken de NSB yn de Anty-Revolúsjonêre Partij en de dêroan besibbe Bijzondere Vrijwillige Landstorm (BVL). En ik koe deroer meiprate, om't ik yn de jierren 1937, '38 en '39 simmerjûns by de sjitoefeningen fan de bvl by ús op 'e terp de lege patroanhulzen mei krûd fulle mocht. By dy oefeningen harke ik nei it gauris politike praat fan 'e manlju. Lútsen Idsardi krige de rol fan wurkleaze stimpelder. Hy spilet de rol fan slykwurker, lykas ik se mei eigen eagen sjoen ha. Hy is ek de rekalsitrante anty-revolusjonêr en lid fan

Trotwaer. Jaargang 32 31

'e BVL. Hy socht syn heil yn 'e oarlochsyndustry fan Hitler. Former Bloemkamp pleatste ik dêrtusken as narder mei anargistise ideeën. Lútsen syn pro-Dûtse hâlding wie koarn op 'e mûne fan Former Bloemkamp, dy't as antymilitarist Lútsen syn tsjinspiler waard. Meidat Lútsen syn faam Former syn wiif waard, koe ik fyntsjes noch in krisseltsje eroatys sâlt yn Lútsen syn hertsearige wûnen wriuwe. Boppedat ha ik Lútsen Idsardi feroardiele ta it histoarise ferrie fan dûmny Cohen. Sûnt dûmny Cohen yn 1935, fanwegens in oprop ta tsjinstwegering en propaganda tsjin de oarloch, fjirtjin dagen yn 'e hechten set waard, stie er lanlik bekend as antymilitarist. Dus wie er Former syn man. Syn arrestaasje yn 1941 en dea yn 1942 te Dachau, ferdjippe de haat tusken Former en Lútsen. Mei de persoan Cohen, en as motto in fragmint út 'e preek dy't him fataal wurden is, waard de stoffe oan dy omjouwing ferbûn mei histoarise feitlikens. Dêrom, Ealsum en wide omjouwing wiene foar it skriuwen fan De Jacht gefundenes Fressen. En doe't ik ienris troch hie hokker foardielen der sieten oan it kiezen fan in bekende lokaasje, bin ik dêr frijwol net wer fanôf stapt. It wie net allinne dat ik in ferhaal pleatste yn in bekend gebiet. Dat gebiet appellearre al skriuwendewei oan myn ûnthâld. It wie as kaam mei it ferhaal myn eigen ferline wer boppedriuwen. Net dat ik myn fantasy yn 't wylde wei ôfstimde op wat ik my tebinnenbringe koe. Mar wol om't ik fantasearre op flitsen út myn ûnthâld wei. En dat ik my noch safolle dingen út myn jeugd tebinnenbringe koe, wist ik net earder as doe't ik oan it skriuwen rekke. It ûnthâld bliek in folle riker boarne te wêzen as ik ea tocht hie. En it wiene fral geografise sitewaasjes dy't my it ûnthâld opskerpen. En ik sis der nochris by dat dêr tige beheind autobiografise konsekwinsjes oan ferbûn wurde meie. Wat der yn myn ûnthâld nei boppe kaam, ha ik safolle mooglik nei eigen hân set om mar net ta it skriuwen fan hokker foarm fan histoarise roman te ferfallen. Fandatoangeande wie myn ûnthâld net mear as in ynspiraasjeboarne.

Der binne yn de romans fan de Dongeradielesyklus tal fan dingen dy't histoarys ta in grûn fan wierheid werombrocht wurde kinne. Dat is lykwols mei safolle puzzelwurk dien, dat it allinne ynwijden slagje sil om oant op beskate hichte feit en fiksje te ferifiearjen. Al moat men dêr tsjintwurdich ek wer mei oppasse, om't mei help fan psycho-analyze langer oeral sûkelarje fan makke wurde kin. Yn hiel wat gefallen waard ferstelstof earst brûkber nei't ik it losmakke hie fan in histoarise kontekst. Dy feitlikheden en oan feitlikens ferwante fantasyen soene noait by my boppe kommen wêze, as ik it ferhaal yn in optochte omjouwing pleatst hawwe soe. Mei bekend terrein wie der neat dat my fan myn ûnthâld ferfrjemde.

Plak en funksje fan de lokaasjes binne yn net ien fan dizze romans itselde. Nim dat ferhaal yn It Wrede Foarjier. It koe net oars, of dat moast pleatst wurde te Ealsum, om't it basearre is op inkelde feiten dy't har dêr ôfspile ha. Dy feiten binne de wapens dy't yn 'e hjerst fan 1944 út Ingelse fleantugen te Ealsum ôfsmiten waarden. En as gefolch fan dy wapendroppings, it drama mei dy kûgel fan Ingelse makkelij. Yn de roman wurdt troch de ik-ferteller in kûgel fûn op in stik bitelân. Om't hy noch in snotnoas is fan fjirtjin, wurdt er thús bûten it wurk fan 'e ûndergrûnse hâlden. Dy kûgel

Trotwaer. Jaargang 32 32 lykwols jout him in gefoel fan macht, en dêrom draacht er dy altyd by him as in amulet. De moarns dat harren pleats troch de Dútsers oerfallen wurdt is er ynienen mei de kûgel ferlegen en triuwt út eangens it ding yn in willekeurige bûse fan in willekeurige jas oan 'e kapstôk. As dy kûgel troch in Dútser yn 'e jasbûse fan in ûnderdûker fûn wurdt, komt der in drama op gong. It waard de kûgel dy't sûnder ôf te gean trije minskelibbens ferge. Hoe wiene de histoarise feiten, dy't foar my de lokaasje bepaalden? Yn de oarlochsjierren wenne der in ferstanlik handikapte jonge te Ealsum. Dy jonge hat dy bewuste kûgel earne fûn, en liet dy sjen oan Geale Postma. Geale wie doe in jongkeardel fan trijentweintich, kaam fan Driezum en arbeide as boerefeint by Rindert Benedictus. Doe sei Geale tsjin dy jonge: Dy kûgel kinst my better jaan. Sadwaande krige Geale dy kûgel, en treau dy yn 'e bûse fan syn reinjas. Doe't op 15 jannewaris 1945 Dútsers de pleats fan Benedictus oerfoelen om't se tochten dat der wapens sieten, wie der in soldaat dy't de bûsen oan 'e kapstôk trochsocht en de kûgel fûn. Dêr kamen de poppen oan it dûnsjen. Mei dy kûgel roeken de moffen wapens en munysje, en waarden de gollen omset. Rindert Benedictus, dy't op it stuit fan de oerfal net thús wie, koe de dûns ûntspringe. Geale Postma en Kees Hiemstra, in jonge dy't lykas ik in bulte op 'e pleats omsloech, waarden meinommen. Geale waard in wike letter, op 22 jannewaris 1945, mei noch njoggentjin oaren, by wize fan represaille te Dokkum eksekutearre. Kees Hiemstra - krekt sechstjin jier wurden - waard ôffierd nei in kamp by Wilhelmshaven, en kaam nei de oarloch geastlik kniesd wer thús. Om't ik yn de oarloch in bulte op 'e pleats fan Benedictus tahâlde en Geale sa goed kend ha, is it boek oan him opdroegen. Ik wit noch dat ik de moarns fan de oerfal op kusjebannen nei Mitselwier west hie om in pear pûn weet. Doe't ik weromkaam seach ik de pleats omsingele. It hiele trelit ha ik dy deis efter de kowerútsjes fan Klein Bloemendaal wei folgje kinnen. Doe hearde ik al rillegau dat ferhaal fan de kûgel. In ferhaal dat my noait wer loslitten hat. Om't ik krapoan fyftich jier letter de ferteller fan de fiktive fersy fan dat ferhaal waard, koe ik it oars gjin plak jaan as te Ealsum. Om der fiksje fan te meitsjen, ha ik de feiten safolle mooglik op myn ferhaal te pas makke. Ik lit it ferhaal bygelyks net spylje op 'e pleats fan Benedictus, mar op dy fan Gjalt Veninga, de pleats dêr't de wapens ôfsmiten waarden. Der komme soms ek besteande persoanen foar yn it ferhaal, lykas Johan Joseph Erich, dy't yn 1944 by ûndergrûns wurk te Drachten deasketten waard, en dêr't Douwe Tamminga it fers ‘By ien fan ús deaden’ oer skreaun hat. Dy Johan Erich kaam simmerdeis gauris op ús swimplak, by it earste set yn de Ealsumerfeart te swimmen. As sjoch ik it noch dat er dan by ús op it flot klom om yn 'e feart te dûken. Wy wiene allegearre oergeunstich op syn swimkeunsten. De lokaasje Ealsum ynspirearre my, yn tsjinstelling mei De Jacht, ta safolle autobiografys materiaal. Dêrom, It Wrede Foarjier, skreaun as in bekentenisroman, is it boek dat my it neist op 'e hûd komt.

Hoe kaam ik derta om it ferhaal Reis nei de Kalkman te Nes yn West-Dongeradiel spylje te litten? Dat kaam sa. Myn pake en beppe fan heite kant wennen te Nes. Dat elk kin fan tinken wol ha, dat ik dêr gauris útfanhûze. Wat sokssawat betsjut, dat ik as jonge dat Nessemer wrâldsje fan binnen út koe. Want alles

Trotwaer. Jaargang 32 33

Ealsum en omkriten. Under it &-teken de pleats dêr't It Wrede Foarjier spilet; it pylkje wiist nei de pleats dêr't de oerfal west hat.

Trotwaer. Jaargang 32 34 wat der te Nes barde heinde ik pake en beppe fan 'e lippen. Ik ha dêr hoepjage oer de Tsjerkebuorren. Tikboarte op 'e Keatsebuorren. Ik wie mei de jonges nei it Waad ta om yn it slyk te poatsjebaaien en kwabben te sykjen. Ik ha fan tichteby meimakke dat Tiete Sytsma (Tiete fan Ette Janneke) in seemyn fan it Waad fiske en meinaam nei hûs om it ding te demontearjen. En doe't er de myn mei hammer en beitel te liif gyng is er efterhûs ûntploft. Dat koste Tiete it libben, en syn mem waard blynslein. Dat sawol de geografy, as de topografy, as de oarloch te Nes, stiet my like helder foar de geast as dy fan Ealsum. Bliuwt oer de fraach: Hoe kaam ik oan it idee om te skriuwen oer in fersetswiddo en in Dútser? Dat wie stom tafallich. Wy ha noch wat famylje te Nes. En doe't wy dêr ris op besite wiene, die bliken dat it hûs dêrnjonken troch Dútsers út Solingen brûkt waard as twadde went. Ut dy sitewaasje groeide by my it idee fan de fersetswiddo Anna Richter en de Dútser Günther Ewaldsen, dy't fereale op har wurdt. Yn myn ûnthâld seach ik it kampemint wer, en de bunkers mei sein- en ûntfangstynstallaasjes fan de kustwacht, dy't dêr yn 'e oarloch oan 'e Wierumerwei boud waarden. Yn myn geast ferskynde Obergefreiter Karl August Klingemann, dy't as foarstanner fan de Bekennende Kirche, yn 1944 desertearre en ûnderdûkte op 'e Hocht. Ik seach yn myn ferbylding Gretha Lampe opbloeien as de freondinne fan Anna Richter; in wyldepûst waans ferline de takomst yn sa'n oar deiljocht stelde. Ik liet kampkommandant Wolfgang Schöde, de healbroer fan myn haadpersoan Günther Ewaldsen, op it toaniel ferskine, dy't ik as histoarys persoan opdjippe út de doarpsskiednis fan Nes, skreaun troch Krine Boelens. Ik skreau dat boek ek tsjin de eftergrûn fan it Dútse toerisme yn dy streek. Ientredde fan 'e huzen te Wierum is yn hannen fan 'e Dútsers. Peazens dat yn de folksmûle de namme hat fan de Dútse Bocht. Wolfgang Schöde is de man dy't oan 'e ein fan it boek, as de moardner fan Jelle Richter, werom komt op it plak fan de moard. Ik fielde wat Anna Richter as fersetswiddo field hawwe moat, en krapoan in heale ieu libbe yn in emosjonele bining mei it ferline. Mei dy personaazjes groeide by my it ferhaal fan de goede en de ferkearde Dútser. En de diskusje dy't dat oanswingele. In diskusje dy't, wylst ik krapoan fyftich jier nei de oarloch mei dit boek oan 't skriuwen wie, ek wer oplôge yn 'e kranten. Ik lit it ferhaal fertelle troch in yn 'e wao telâne kommen skoalmaster dy't, troch syn sintrale posysje, by steat is de skiednis te boek te stellen. It ferhaal is fan begjin oant ein optocht, mar sûnder myn bernlike ûnderfining mei Nes, fral yn relaasje ta de oarloch, hie ik it sa net ûnder wurden bringe kinnen. Reis nei de Kalkman is net in boek oer de oarloch, mar in rekonstruksje fan wat dy oarloch teweechbrocht hat yn minskelibbens.

It lekken oer de spegel begjint mei de rigel: ‘Dit giet net oer de oarloch, mar oer it wjerlûd dêrfan.’ Ik bin mei myn boeken oer de oarloch hieltyd fierder fan dy oarloch ôf kommen te stean. It wurdt geandewei mear it wjerlûd, alnei't de trochwurkjende effekten fan dy oarloch de lju yn 'e skjirre kriget. Mei it lekken oer de spegel is it wat eigenaardich gien. Ik hie al wat jierren in ferhaal lizzen mei as titel ‘Fallen foar it Faderlân’. Foarm en styl fan dat ferhaal befredigen my net. It wie mei tefolle ôfhâldigens skreaun. Nei't ik Reis nei de Kalkman klear hie, ha ik it wer ris yn 'e hannen nommen. Doe seach ik

Trotwaer. Jaargang 32 35 ynienen hoe't it as deiboek nei in persoanliker en emosjoneler styl brocht wurde koe. Om de mieningsfoarming binnen it ferhaal te ferbreedzjen, kaam ik der skriuwendewei ta om lûdbannemateriaal yn te fieren. Sa skreau ik yn krapoan trije moanne in folslein nije roman. It wie yn dy twadde fersy, dat ik de lokaasje fan it Noarder Fallaat te Dokkum foar kar naam. Te Dokkum waard it altyd Skelwouds Slúske neamd, om't Ale Skelwoud dêr jierren slûswachter west hat. Mei it kiezen fan in bekende lokaasje waard de stoffe my in stik eigener, en koe ik mysels kwyt yn it ferhaal. En mei't ik mysels kwyt koe en jaan woe, kamen my safolle feiten yn it ûnthâld, dat ik my tige beheine moast om binnen de stokken fan de fertelline te bliuwen. Dêrby waard ik, al nei't it ferhaal foardere, sadanich ynspirearre troch de deiboekfoarm en de lokaasje, dat it ferhaal him as fansels skriuwe liet. Ik hie mei dit lêste boek oer de oarloch mar ien doel. It moast, fyftich jier nei de oarloch, in fersteurde yllúzje oer de fersetsheld yn kaart bringe. Winliken ha ik dizze boeken oer de oarloch allegearre skreaun op bekend terrein, mar wol mei in fiktyf aliby.

Ta beslút wol ik inkelde opmerkings meitsje nei oanlieding fan twa fragen. Wat hat dizze plakbepalende wize fan wurkjen mei my as skriuwer út te stean? En wat is sa karakteristyk oan de troch my beskreaune lokaasjes? Earst wat oer dy plakbepalende wize fan wurkjen en myn persoan as skriuwer. Ik sykje nei primitive eleminten yn de minske, dy't him net ferfrjemdzje fan, mar eigenje oan syn oarspronklikens. Dêrom beskriuw ik de minske yn syn eigen omjouwing. Ik wol yn myn wurk sa nei mooglik by natuerlike oarsaken en prosessen komme. Natuerlike oarsaken dy't har òf fansels oplosse, òf op in drama útrinne. Dêrby sykje ik it konflikt yn in sa behindich mooglike rûnte. En dat hat grif út te stean mei it solitêre karakter fan myn personaazjes. Skepsels dy't yn 'e stêd, yn 'e massa net aardzje. Se moatte safolle mooglik op harsels oanwiisd wêze. Dat is ek de reden dat der mar sa'n bytsje minsken spylje yn myn boeken. Wat de karakteristyk fan frijwol al myn lokaasjes oanbelanget, dat sil grif wat út te stean ha mei de omjouwing dêr't ik yn grut wurden bin. It wide, tinbefolke, lege lânskip fan de Dongeradielen. De lytse mienskip fan Ealsum, net frij fan iensumens. Ik kin der net omhinne dat soks karakterfoarmjend wurke hat. Troch sawol langst nei as ôfkear fan dat wide lânskip - ik wenje sûnt jierren op 'e selskant fan 'e Wâlden -, skûlet der yn myn skriuwen in driuw nei leechte en desolatens. Ik bin net tolerant tsjinoer de massa. Ik bin tolerant tsjinoer de ienling. Ik bin net tolerant tsjinoer it keunstmjittige. Ik bin tolerant tsjinoer it natuerlike. Op grûn fan dy utersten ferwiist myn wurk nei it elemintêre en it primitive. En dêrmei kom ik werom op myn earste útgongspunt: Ik sykje nei primitive eleminten yn 'e minske. Eleminten dy't dy minske net ferfrjemdzje mar eigenje oan syn oarspronklikens. En dat is de grûn dêr't ik de minske kultuerhistoarys te plak bringe kin.

Trotwaer. Jaargang 32 36

Rûntsjedraaie om ‘de pik’ Klaas Jansma

Josse de Haan, Piksjitten op Snyp. Groteske of essay. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 508 siden. f 65.

De Grutsk besiket yn Grutstêd yn it skriuwen en by de hoeren syn ferlerne leafde, de juffrou fan syn bernejierren, werom te finen. De Lytsk dolt yn 'e skiednis fan himsels en syn doarp Snyp om. It is in hopeleas sykjen om betsjutting, yn perspektyf en retrospektyf, dêr't se beide net fleurich en mar in bytsje wizer fan wurde. Yn it strontdoarp Snyp hawwe se besleur oer de ienfâldige patroanen krige dêr't it libben en de minsklike ferhâldings har yn deljouwe. Dy simpelens befrediget út soarte net, noch yn Grutstêd, net yn Aldlân. Men kin roppe en skriuwe. Men kin filosofearje oant de kul jin opkomt by it sjen fan jins eigen titen. Dat makket Grutstêd-manlju geil, tensij't de titen sâlt wurde fan 't skriemen, dêr't de kullen fan manlju as De Grutsk net oer kinne. Mar it helpt gjin byt; de betsjutting lit him net útpakke. De finen bliuwe min, rikelju dogge arbeiders tekoart, earmelju binne suterich, doarpsbern wreed, boeren hufters. De Mak doocht net, want dy hat yn De Jor wol mei de doarpshoer (ik doar de namme net op te skriuwen, mar ik tink him wol) neukt, mar net mei arbeiders praat. Wat moat men dan oan mei de ûntdekking dat literêr wurk autonoom is? Sjedêr yn 'e rûgens it tablo yn Piksjitten op Snyp, it grutte wurk fan Josse de Haan. It is skreaun yn 143 haadstikken op 508 kreas troch Trinus Riemersma opmakke siden, mei in lang stik foar notysjes en in ferantwurding út 'e optyk fan De Grutsk wei. Snyp is yn weromsjen in al te oersichtlik doarp yn Aldlân, mei erotisearjende fammen, wykein-earmkes foar 't oankrûpen en twaddehâns klean foar earmelju. It is it doarp dêr't lytse drama's bard binne. Der binne bern yn 'e dwinger fersûpt, kikkerts tramtearre, ûnbegrepen frjemden delstrutsen. It hat wol wat fan wat jin by it Peins (yn it Hollânsk útsprutsen as ‘Pijns’) fan 'e iere jierren fyftich foar eagen komt. Dêr is Josse de Haan yn 1941 berne. Puzzeljend kin men dan ynfolje: Slappeterp foar Rypslop, Dronryp foar Slachryp, Frjentsjer foar Dryhús, Skalsum foar Gumskal, Fryslân foar Aldlân (dêr't Piter Yedema neffens de notysjes wennet, De Yed sis mar) en Amsterdam? foar Grutstêd.

It da-da-achtige omslach falt op. It is neffens de notysjes en ferantwurding ynspirearre op 'e (de skriuwer skriuwt konsekwint ‘de’ nei in eksplosyf, wat gau ferfeelt) wurkwize fan Goldberg, mei as sintraal elemint de letter i dy't himsels op in top yn 'e rûnte draait. ‘Op 'e weareld’, seit de skriuwer, dy't letter ek wol ‘wrâld’ brûkt. Dat topjen is in moai byld fan it rûntsjedraaien fan De Grutsk en De Lytsk om 'e wierheid hinne. Men wit hoe't soks ôfrint: de top falt om. Dêr slut de titel by oan. Piksjitte is in âld folksspul, dêr't in stien by omsmiten wurde moat. Dat is ‘de pik’ of it doel; dy't it slagget, hat de priis fan in pear stuorkes of

Trotwaer. Jaargang 32 37 kwartsjes. De Thys Rinsema-achtige styl fan it omslach jout oan dat wy yn it boek surrealisme ferwachtsje meie, wat jin by Josse de Haan wol oan wol. Mar dat falt ôf of ta, krekt sa't men wol. De letters yn it boek steane kreas yn kolommen en de assosjaasjes en redenearrings binne, blykt al nei in pear siden, skoan benei te kommen. Maklik makket de skriuwer it himsels en de lêzer foar it oare net. Dit is net in roman yn 'e tradisjonele betsjutting, gjin trochrinnend ferhaal. Dat kin ek hast net mei in bewurking fan notysjes, dy't mear as tsien jier lyn al yn deiboeken fêstlein binne. Hoewol't der (neffens it ‘kolofon’) letter tiden oan skaafd en skaafd en foaral werskreaun is, bliuwt de struktuer broas en brokkelich.

Josse de Haan skriuwt út en troch meinimmend. Mar hieltyd as er jin driget te oertsjûgjen yn in beskriuwing fan bygelyks De Lytsk syn pake of De Grutsk syn hoere-affearen, ûnderbrekt er de ferhaalline. Men mei jin net meislepe litte; dêr giet it net om, om maklik beskriuwen. Der sit soms swing yn Josse syn taal en ritme, hy hat bytiden moaie sinnen en ferrassende bylden. Mar krekt as in fine menist út it Balk fan 1850 dy't him oan it moaie net fergapje mocht om't soks krekt sa'n sûnde wie as foar in sosjalist út it Sina fan 1964, it Kambodja fan de Killing Fields, is dy wielde foar de wiere lêzer fertocht. De Grutsk soe it him net tastean. De Lytsk, dy't de ferantwurding en de notysjes net skriuwe mocht, hat de macht der net ta. It giet net om ‘moai’ mar om ‘wier’ en ‘sinfol’. It dilemma fan 'e literatuer yn in freeslike tiid wurdt op side 359 sa ûnder wurden brocht: ‘De persoanen sitte yn de foarm - de

Dûnstimpel fan Snyp (Ron van Roon, Asd., '98) haadfigueren bedoel ik - en tagelyk besykje se derút te kommen. Ast der yn sitst moatst meidwaan, asty der sels bûten setst wurdst in proai. Dy striid is hast net te winnen. Op syn minst ferliest wol in each, in finger, in poat of in ear. Soms reinde it tosken yn de buorren. De measte lju rûnen dan ek mei keunsttosken yn de bek. In mins mei neimakke tosken is minder gefaarlik as ien mei syn eigen echte stikjes ivoar. Dy ferfanging siet dan ek yn it sikefûns. De polityk hie doe al troch, dat de arbeiders dêrmei in sterk wapen ûntnommen waard.’

Trotwaer. Jaargang 32 Alles fan wearde wurdt yn sa'n wrâldbyld bedrige om't it bedriigjend is. De wite raven soe de wjukken ris útslaan kinne yn 'e dream dy't ûnrjocht docht oan 'e bestjurre ynsichten fan sis mar 1970, doe't de Amerikanen út Vietnam moasten, of 1969, by de besetting fan it Maagdenhuis.

Trotwaer. Jaargang 32 38

De Lytsk wurdt de dream net gund, De Grutsk kin der net ta komme, en tegearre komme hja der net út. Sels de heroyk fan harren striid giet al te fier; in maklik aforisme, in kreupel byld, in strampeljend ritme fan in tuskenrigel fersteurt de yllúzje dat der mei skientme oan it ferline of de takomst te ûntkommen is en dat men rûntsjemeallend fierder komme kin. It swakke en it sterke fan de skriuwer De Jos is, dat men oan 'e ein fan it boek sitten bliuwt mei de fraach oft er bedoeld hat wat men begrypt. De klisjees fan de ‘weet-je-weltiid’ sprekke de haadpersoanen, benammen De Grutsk, mei fol aplomb sûnder in sprút relativearring út, krekt as leaut de skriuwer it sels. Mar tagelyk blykt oan 'e ein dat men op 'e top net foarút kommen is. ‘Groeden moatte ûnderhâlden mar net tefolle leave wurde’, is de titel fan it lêste haadstik, dat sa begjint:: ‘DINGEN DY'T FOARBYGEANE / SOMS WEROMKOMME MAR FOARGOED / GELOKKICH FERLERNE TIID BINNE’. Nee, der bliuwt in De Fryd en in De Grutsk by einsluten mar ien útwei oer nei dy yntellektuele en morele nederlaach: de ienfâldige leafde yn in oper hea dy't wachtet op 'e langsten: ‘Kom, keppelje dy oan my, it sil goed wêze. Asto doarst, doar ik ek. Fjouwer earmen foar de hele wike.’ De oerjefte oan dy treast is tragysk foar in De Grutsk, dy't mear wollen hie. Och earme. Hy bewûnderet Bertolt Brecht, harket graach nei ‘Ballet Mécanique’ fan George Antheil, lêst W.F. Hermans mei plezier en sabelet eigenwiis mei in ‘baggerje is wer in oar fak’ de ‘harmoanikaspiler’ Hylke Tromp del. En sa'n ien moat syn geriif fine by it foarlêzen fan syn stikjes oan in hoer mei de skonken wiid útinoar. Sa keart sels de frede fan 'e leafde him tsjin de haadpersoan. De Grutsk en De Lytsk en De Skriuw en De Lês ferlieze de striid. Hja fine gjin wierheid dy't fierder komt as gedachte en oardiel fan 1970 of 1955 of 1941. Alles draait yn 'e dûnstimpel fan Snyp (en fan hokker doarp net?) op 't lêst om 'e fallus. Groteske of essay? It earste. Ik freegje my noch ôf oft de skriuwer mei opsetsin foar in bytiden breklik, om net te sizzen min Frysk keazen hat. En in freeslik germanisme as ‘meastens’ skriuwt men dochs net út taalearmoed tweintich kear op. De lêzer mei it sels útmeitsje; dy is op 't lêst baas oer it boek dat er kocht en trochspitten hat.

Trotwaer. Jaargang 32 39

De skriuwer, it famke en de dea Jitske Kingma

Wilco Berga, It krantefanke. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 1999. 205 siden. f 27,50.

As Albert Nicolai sechstjin is, rint er al mei gedichten yn 'e bûse om. Hy sil dichter wurde. De skoalle wol him stjoere yn in rjochting dy't er net wol en dêrom stapt er dêr op. It is in machtich momint, it begjin fan in grutte takomst dêr't er in roman yn skriuwe sil. Dat bliuwt der lykwols by, hy moat earst it libben kennen leare om der gedichten oer skriuwe te kinnen.

De skriuwer, it famke en de dea, dat binne de tema's yn Wilco Berga syn nijste roman It krantefanke. De roman hat trije spoaren, dy't yn 'e rin fan it ferhaal byinoar komme yn in ûntknoping dy't op de earste 25 siden al op 'e eftergrûn te sjen is. It begjint mei Albert, 46; it twadde spoar is Albert, 16; en it tredde de opgroeiende Maaike. Albert is mei syn skriuwersskip nea tichter by de rom kommen as mei it troch omke Jochem finansiere dichtbondeltsje. Dat freget al mear as 25 jier om in opfolger. Hy wol in roman skriuwe, yn twa dielen. It earste spilet om syn sechstjinde hinne, it twadde om syn seisenfjirtichste. De ferhaallinen krôlje it hiele boek hinne trochinoar en om inoar hinne. Alle kearen as se yn har rûntsjes by in al earder beskreaune situaasje lâns komme, meitsje se wer in stikje fierder dúdlik fan wat der doe of koartlyn bard is en wat dat allegear mei-inoar te krijen hat. Dêrby hat Wilco Berga, de dichter dy't ek romans skriuwt, itselde bertejier as Albert. Yn in fraachpetear soene je him nei in link tusken Albert en Wilco freegje. No bliuwt it by suggestjes. It boek begjint mei Albert dy't lykme allinne sit te bekommen fan de dea fan syn wurkjouwer, de flecht fan syn freondinne en it feit dat syn omke Jochem, op skriuwersgebiet syn foarbyld, gek wurden is. Geandewei komt it ferline fan Albert, de ferhâlding tusken omke Jochem en de heit fan Maaike en de striid fan Albert om him steande te hâlden oan 'e oarder.

Ik haw It krantefanke mei nocht lêzen. It hâldt de spanning fêst, Berga hat wat te sizzen en hy hat foar in nijsgjirrige struktuer keazen. It boek hat lykwols net oeral itselde nivo. Ik fyn dat Berga yn syn beskriuwing fan hoe't Maaike opgroeit en fereale wurdt tekoartsjit by it beskriuwing fan har ûntjouwing. De djipgong is mar in sintimeter as tsien, wylst er by Albert folle fierder nei de boaiem giet. Ek omke Jochem kriget syn gerak. Mar Marjan, de mem fan Maaike, komme wy suver neat fan oan 'e weet. En de ferhâlding mei de âlden, dy't Albert ferdrinke litte yn har ûnbegryp hie ek folle mear omtinken ha mocht. Om in foarbyld fan it ferskil te jaan, Albert oer Maaike: ‘As se sa lake - de holle efteroer, de skonken wat faninoar, wylst se mei in smelle hân de jurk tusken de knibbels del hold - mocht ik stjerre as ik net fan har hold.’ En Maaike oer Albert: ‘Leafde is blyn sizze se. No, myn leafde net. Mar Albert

Trotwaer. Jaargang 32 40 is noch bliner as in wjirm. Hy hat it iene freondintsje nei it oare, mar gjinien fan dy froulju sjochst hjir faker as twa kear. Op strjitte sjocht er allinnich mar nei koarte rokjes. Moat ik no ek oan dy poppekast meidwaan?’ Fansels in kar dy't ta diskusje stean mei, mar oer 't generaal krijt Albert folle bettere wurden ta syn foldwaan as Maaike. Wol skaait de ûnbegrepen dichter bytiden in bytsje de kant fan it klisjee út. Ik fyn syn wurdkar ek net altyd like evenredich. De beskriuwing fan in erotyske sêne dy't besluten wurdt mei it sitearjen fan Sensation fan Rimbaud eindiget mei: ‘Hy harke mei oandacht, tute har, gong stean en luts de broek omheech.’ Ik fyn sa'n ein in freeslike ôfknapper, mar dat is fansels in kwestje fan smaak. Berga hat wol faker fan dy ‘misse’ wurden: ‘dat komt yn 'e bus’ of platte konversaasje sûnder djipgong en mei allegear wurden dy't sa foar de hân lizze dat ik ferwachtsje soe dat Berga him der fier fan hâlde soe. Dichters beslypje har wurk ornaris hieltyd wer beslypje en dat ferwachtsje ik dan ek fan in dichter dy't in roman skriuwt, benammen, om't er sa faak sjen lit dat er it kin. It past him, it past it ferhaal en it soe it gehiel op in folle hegere hichte bringe. Ek in minpunt is, dat er wolris wat sintsjes te folle opskriuwt. De lêzer hat dan al lang troch wêr't er hinne wol, mar hy set der noch in ekstra sin by. Dat docht dan ofbreuk oan it gehiel. Lykwols, yn it opbouwen fan de spanning komt Berga ta grutte hichten. En de reade tried fan it krantefanke is ek hiel moai troch it gehiel flochten. Fierders wit er geregeld mei hiel ferrassende ûntjouwingen te kommen. As lêzer krije je dan even pikefel. Hy kin hiel wat, Wilco Berga. In struktuer opsette, spanning fêsthâlde, karakters groeie litte. It krantefanke is in goeie roman mei ynhâld en djipgong. Mar no en dan moat Berga faaks wat ôfstân nimme en op 'e nij wat groeden útfylje. It opnij yn 'e lak sette, nochris skjirje. Laach nei laach nei laach, krekt as de skippen dy't Albert ûnder hannen hat op 'e skipswerf fan Wouter Helling. It krantefanke hat safolle ûnthjittends, dat je it net nimme as guon parten sa't it liket mar wat oerkwattele binne. Dêrfoar kin Wilco Berga tefolle.

Trotwaer. Jaargang 32 41

Altyd wat! Tr. Riemersma

Gjin boekefeest

Gjin boekefeestje mear. Temin skriuwers en temin omtinken yn 'e parse, seit Durk Hibma. Ja, mar ast neat dochst, krijst helendal gjin skriuwers en gjin publisiteit. It wie dochs wol aardich en no hat men niks. En lykas de Hearegod om fiif rjochtfeardigen Sodom en Gomorra net ferneatigje woe, hie de Hearedurk ek beslute kinnen om fanwegen fiif trouwe skriuwers it feest trochgean te litten. Winliken hat der mar ien kear in skriuwer ûntbrutsen, dat wie ferline jier doe't Benny Holtrop de boel stikke liet. Durk sjucht mear nei de lju dy't nèt komme as nei de lju dy't wòl komme.

It is my ek net klear hoe't men mear minsken, mear skriuwers benammen, nei sa'n boekefeest krijt. It wie wolris wat in stive gearsit, moat ik sizze, en net altyd like fleurich. Wat te tinken fan in ynterview mei ien fan 'e Fryske Brontë-suskes oer har kanker? Ik hie it swingender fûn as Durk Hibma mei begelieding fan in afgeskeiden brasband út 'e Wâlden songen hie fan ‘En foar de kanker noch ienkear troelala!’ In bytsje dreech-kalvinistysk bytiden. Allerhande programmapunten moatte ôfwurke wurde lykas it bêst fersoarge boek en noch in nustje, en dan meie de skonken fan 'e flier. Mar dan is it yntusken alve oere. De grize permanintsjes gonne nei hûs om de beantsjes foar sneon yn 'e wêk te setten. Net dat dy no de feestfreugde oanbringe soenen, mar 't skilt al in heal sealfol folk. Men bliuwt wat ferlern achter en sjucht inoar ris oan en freget jin ôf: moatte wy no de eare fan it sûpende Fryslân heechhâlde? De Frjentsjerter Koarnbeurs hat mar in lyts sealtsje, mar as de helte fan it publyk fuortrint, is dy seal wol fierste grut. Yn 'e foyer, dêr't it oars wol gesellich wêze kin, stanne sân útjouwers mei gesichten as âlde kwartsjes har boeketafels op te rêden: neat ferkocht en de hele jûn ferskiten. Hoe krijt de organisaasje it ek yn 'e harsens om hjir boeketafels ynrjochtsje te litten? Men komt hjir net om boeken te keapjen, mar om feest te fieren. Hawar, dy foyer leit der by as in ferlitten slachfjild en dan hokket men mar byinoar yn it gonkje tusken de skythuzen en de garderobe. Wy nimme noch ien, en miskien nimme wy dan noch wol ien, mar de kâns dat it noch gesellich wurdt, is minimaal. It is allegearre efterneipraat, mar sa hie it dus nèt moatten. As men om alve oere hinne oanjout dat it ‘offisjele part’ ôfrûn is, dan is dat feitlik de ein fan 'e jûn. Ek al wurdt der oankundige ‘dat wy noch lang net nei hûs ta hoege’, ‘dat it orkest noch oeren spilet’, it publyk wit dat it dien is - en hâldt en draacht him sa: it nimt noch ien en giet nei hûs ta. It hie better west om de bekroaning fan it bêst fersoarge boek op trije oere te setten en om dêrfóár inkeld frijbliuwende en oerstallige programmapunten te plannen. Ynstee fan it boekhanlerskoar hie ik nammers om hynstemiddei hinne leaver in broadsje-kroket hân, want men wurdt op 'en doer wol roppich. Ik ha neat tsjin kultuer, mar op in feestjûn moat dat wol bysaak bliuwe.

Trotwaer. Jaargang 32 42

Biten en brokken Jan Pieter Janzen

Kultuer winner yn Fryske Steaten

Het blijft worstelen met het Fries. Opgejut door een kleine voorhoede voelen veel partijen zich gedwongen tot het afdwingen van meer friestalige uitingen. In iepenhertige deputearre Siem Jansen yn syn kollum yn it Frysk Deiblêd (10/11/99). De teneur wie dúdlik: om him kin it wol wat mear tuike oan mei de taalpolityk en al dat jild foar it Frysk. It moat de provinsjale ponghâlder dan ek sear dien ha dat de Steaten yn har desimbergearkomste frijwol ienriedich nochal wat ekstra jild taparte ha oan Frysk-kulturele saken. Tanksij û.o. de tafallende Nuon-dividinden en de hegere opbringsten út de motorrydtugebelesting koenen de Steateleden fiif miljoen gûne ekstra ferpartsje. Noch helendal yn sinteklazestimming makken se der mei it oannimmen fan 35 moasjes úteinlik 6,7 miljoen fan. De kultuer wie dêrbij de winner. It koe net op: Omrop Fryslân krige ien miljoen ekstra en ek noch jild foar it ûndertiteljen fan it wyksoersjoch, der mei in heal miljoen bestege wurde oan it tarieden fan in twatalige ensyklopedy, de literêre prizen wurde ferhege, der komt mear jild foar Fryske popmuzyk en in priis foar sjongers fan it Fryske liet, it Frysk yn it ûnderwiis en de Frysktalige pjutte-opfang krije in ekstra stimulâns.

Entûsjast mar prudent

Al moast it yn sân hasten, de politisy kamen mei moaie plannen om it ekstra jild te ferdielen. Nim no de breed stipe moasje oer de needsaak fan in nije ensyklopedy: Provinsjale Steaten fan Fryslân, yn de gearkomste fan 15 desimber 1999 byien, Oerweagjende, • dat de earste en oant no ta lêste printinge fan de ‘Encyclopedie van het hedendaagse Friesland’ fan 1975, tige datearre is en einlings oan infolsleinfernijde, yndied eigentydske werûtjefte ta is; • dat sa'n werûtjefte hjoeddedei in ynteraktive, multimediale en multidissiplinêre oanpak freget; • dit fansels in twatalige en yn Jeropeesk ferbân mooglik meartalige (Ingelsk en/of Dútsk) opset wurde kin; • dat mei it each op it kosteplaatsje in publyk-private gearwurkingskonstruksje in reële opsje is; • dat sa'n ynteraktyf kennisprojekt it bêste ûnder superfyzje fan de Fryske Akademy/GCO yn 'e mande mei oare kennis- en kultuerynstituten yn en bûten Fryslân tastân komme kin; Konstatearjend, • dat de Provinsjale Oerheid by útstek de ynstânsje is om as oanjager fan sa'n Frysk kennisprojekt te tsjinjen; • dat dêrom in boppe partijbelang útgeande stipe nedich is; • dat ek defnp neffens har skôgings in opset taret hat oangeande it tagonklik meitsjen fan de Fryske skiednis op cd-rom, ynternet en video;

Trotwaer. Jaargang 32 • dat der winliken ek noch in keppeling lein wurde kin mei oare Fryske multimediale útjeften en projekten; Beslute: • in provinsjale publyk-private wurkgroep yn

Trotwaer. Jaargang 32 43

te stellen ûnder lieding fan de Fryske Akademy; • fersykje de wurkgroep om in wurkplan foar dit projekt op priemmen te setten; • en stelle dêrfoar by goedkarren troch PS in oanjaachfûns fan maksimaal f 500.000 beskikber. en geane oer ta de oarderfan de dei.

Hoe kaam Rein Ferwerda (RPF/SGP), earste ûndertekener fan de moasje, sa op dat idee? ‘Je binne altyd mei Fryslân dwaande en doe't der ekstra jild frijkaam kriich ik ynienen in ynjouwing: in nije ensyklopedy mar dan fansels yn in moderne foarm. De ideeën fan de fnp foar it brûken fan de nije media om de Fryske skiednis tagonkliker te meitsjen koenen dêr goed oan keppele wurde. It slagge samar om ek de stipe fan oare partijen te krijen. Nuvergenôch op de PvdA nei. Oft dy der wol foar wie? Dat wit ik net. It Kolleezje hat de moasje oernommen, dat der hoegde net mear oer stimd te wurden.’ Ferwerda hat yn 't foar kontakt hân mei de nije Akademy-foarsitter (en âld-deputearre) Kobus Walsma. ‘Dy wie posityf. En der binne ek al minsken dy't it wol útjaan wolle.’ In termyn hat er net daliks yn 'e holle, mar ‘it soe moai wêze at de plannen foar Simmer 2000 rûn binne’. Dat seker, mar soe de Fryske Akademy sa fluch kinne? De histoarje fan sokke projekten as it Frysk Wurdboek en de Skiednis fan Fryslân makket jin net daliks optimistysk. Dat kealle allegear och sa swier; de boeken wienen fier oer tiid. Dêr komt noch bij dat it produsearjen fan in ensyklopedy hjoed de dei sa'n grut aventoer is dat gjin útjouwer it mear oandoart, alteast net yn papieren foarm. Elsevier hat syn heil al bij Microsoft socht en foarich jier Winkler Prins-materiaal brûkt om op cd-rom in útwreide Nederlânske fersy fan Encarta op 'e merk te bringen (mei de mooglikheid om it lêste nijs fan ynternet te heljen). Ek de Encyclopaedia Brittanica sil net mear yn boekfoarm ferskine mar allinnich noch op skiif en op it net (www.brittanica. com). De reden: de cd-rom is folle goedkeaper (f 300) en rint gâns better as de rige fan 32 boekdielen (f 3000). In oar ferneamd Ingelsk ynstitút giet noch in stap fierder: de nije edysje fan de Oxford English Dictionary sil allinnich noch on line ferskine en is mei yngong fan maart (foar abonnees) op ynternet nei te slaan. Spitich, want in neislachboek as basis bliuwt handiger as it sykjen op it wrâldwide web. In kombinaasje fan âlde en nije media soe it moaiste wêze. En dan fansels op net al te lange termyn. Hat Akademy-direkteur Lammert Jansma syn gedachten dêr al oer gean litten? ‘Jaseker. De Akademy is yn it plan frij prominint oanwêzich, mar we moatte de saak earst wol heel goed trochprate. It bedrach dat frijmakke is, soe allinnich al opgean oan in koördinator, dy't wer tsientallen deskundigen oanstjoere moat. It is in heel kerwei. It begjint al mei it systematysk neisjen fan de eardere útjeften. De Encyclopedie van Friesland [út 1958] wie wol better as de Encyclopedie van het hedendaagse Friesland [1975], mar ek dêr steane nochal wat fouten yn.’ Jansma tinkt oan in ynteraktive foarm mei regelmjittige updates. Gjin boek dus? ‘It kin bêst wêze dat wy oer fiif jier beslute dat dat net mear wêze moat.’

Trotwaer. Jaargang 32 De Steaten witte neffens Jansma net ‘wêr't se oan begjinne’: ‘Der sil in hiel rom budzjet komme moatte. Dat rint yn 'e miljoenen.’ Mar de Fryske Akademy doart it wol oan: ‘Wij binne entûsjast mar skeptysk. Nee, sa is it net: entûsjast mar foarsichtich, prudent.’

Trotwaer. Jaargang 32 44

Wurdboekwinsken

Ik wit trouwens noch wol in putsje foar de lju fan de Akademy: it updaten fan it Frysk Wurdboek. It earste diel dêrfan (Frysk-Nederlânsk) is gearstald yn 1977-1981 en ferskynde yn 1984, it twadde (Nederlânsk-Frysk) in jier letter. De meast resinte edysjes binne fan 1992 (resp. de sânde en de fjirde printinge). Dêryn binne ‘op grûn fan de op- en oanmerkingen, sûnt 1984 ynkommen, [...] in rige ferbetteringen fan de meast steurende (print)flaters oanbrocht’. De meast steurende flaters, dat is fansels wat al te sunich. (It eksimplaar fan dy Japanske professor dy't him mei it Frysk dwaande hâldt, ‘wie der read oer is, safolle flaters’, fertelde in meiwurkster fan de Afûkwinkel. En der binne wol mear fan sokke stamgasten dy't in annotearre en korrisjearre eksimplaar ha.) Boppedat hat ek it Frysk him de lêste tweintich fierder ûntjûn. Al wie it mar troch it lienen fan wurden út oare talen. In part dêrfan is troch de Fryske Akademy sammele yn de Nije list fan frjemde wurden (1993), in ûnmisber boekje, dat spitigernôch al wer in jiermannich útferkocht is. Dan hat it Taalburo fan de Akademy noch soarge foar in Wurdlist foar it offisjele ferkear (1989) en in List fan iterijwurden (1994). En der is fansels noch it Klein Fries Woordenboek, dat troch de Afûk geregeld werprinte wurdt. Alderaardichst allegear, mar wat wy foar it Frysk dus net ha is in aktueel hânwurdboek (ynklusyf regels foar de klamtoan en it ôfbrekken) èn in hânsume Wurdlist fan de Fryske taal (nei analogy fan ‘It griene boekje’ en de Spellingwijzer). Om noch mar te swijen fan in etymologysk wurdboek. - Dêrsûnder kinne wy eins net lang fierder dizze nije ieu yn. En no't ik dochs oan 'e gong bin is der noch in hertewinsk dêr't útjouwers foar noadich binne: aardige, lytse boekjes oer de skiednis en de hjoeddeiske sitewaasje fan dizze provinsje, oantreklik foar toeristen, útfanhûzers yn Simmer 2000 en autochtoanen dy't wat mear witte wolle. Moaie foarbylden dêrfan binne te besetten yn East- en Noard-Fryslân. Sjoch bygelyks Nordfriesland van A bis Z. 100 Begriffe in Wort und Bild; Sturmflut; Kleines Buch van der ostfriesischen Wohnkultur; Inseln der Ruhe. Kirchen yn Ost-Friesland en Ostfriesische Insel- und Küstenlandschaft.

De prizen op 'e helling

Ta de kreative aksjes fan de desimber-Steaten hearden ek twa besluten om de kulturele prizen oan te passen. ‘Oerweagjende dat de lêste tiid de Frysktalige muzyk flink yn de lift sit en op deselde wize wurdearre wurde moat as de Frysktalige literatuer’, komt der op inisjatyf fan de FNP in trije-jierlikse Bernlefpriis fan f 5000. Dy sil de iene kear útrikt wurde ‘foar grutte fertsjinsten op it mêd fan 'e “lichte” muzyk (folk, pop, rock, blues, amusemintsmuzyk) en de oare kear foar datselde op it mêd fan de “earnstige” (klassyk, modern-klassyk, solo- en koarsang) fokale muzyk’. Op foarstel fan de PvdA geane de literêre prizen omheech, want ‘no't de Gysbert Japicxpriis nei 10.000 gûne brocht is, [kinne] de Obe Postmapriis [foar oersettingen] en de Fedde Schurerpriis [foar debuten] net efter bliuwe’. Dy wurde ferdûbele ta f

Trotwaer. Jaargang 32 4000. (It plan fan de FNP om fan dy trije ûnderskiedingen ‘folwoeksen prizen’ fan elk f 20.000 te meitsjen waard ynlutsen, om't oars de startsubsydzjes foar it opheinen fan Frysktalige pjutten it neffens de sosjaal-demokraten net helle hienen.) De grutste ferrassing wie dat de Gysbert Japicxpriis wat fan karakter feroaret. Wer

Trotwaer. Jaargang 32 45 werom is nei 1953, soe men sizze kinne. Doe waard de jierlikse ûnderskieding foar de bêste literêre útjefte (om bar foar proaza en poëzy), omset yn in twajierlikse priis. Tritich jier letter feroare de frekwinsje en ek it karakter fan de GJP: ien kear yn 'e trije jier, foar de auteur dy't ‘it bêste wurk publisearre hat, op it mêd fan [...] de Fryske literatuer yn alle sjenres, sawol foar in wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur’. - Tsjinstridige betingsten: in oeuvrepriis koe, mits de auteur yn kwestje yn de ôfrûne perioade ek ‘it bêste wurk’ publisearre hie. Tenei sil it wer gean om in twajierlikse ûnderskieding, de iene kear foar poëzy, de oare kear foar proaza. It motyf dêrfoar wie dat ‘in fersebondel komselden konkurrearje kin mei in roman’. Dêr sit wat yn. Yn 1986 krige Tiny Mulder de priis foar har bondel Oh in stêd, ah in lân ‘en fierders foar har hiele wurk’. De kearen dêrop gong it hyltyd om romans (fan Anne Wadman, Steven de Jong, Trinus Riemersma en Piter Boersma). Ek no kin it noch om in ‘oeuvrepriis’ gean, sa wolle de Steaten ha. De tsjinstridichheid bliuwt dus. Behalve at dêr yn de neiere útwurking wat op fûn wurdt. Dêr binne se op it Provinsjehûs drok mei dwaande. Hooplik tinke se der ek om dat it skôgjende proaza der yn de nije opset net ûnderstrûpt, in sjenre dat sûnt 1947 mar twa kear yn 'e prizen foel (Anne Wadman en E.B. Folkertsma). Se moatte dêr oan 'e Twibaksmerk trouwens wol opsjitte, want fan 't hjerst is it al wer twa jier lyn dat de Gysbert Japicxpriis foar it lêst útrikt waard. Der moat dus mei gauwens in sjuery komme (en anno 2000 hoecht dat net mear op advys fan de Fryske Akademy - dêr ha wy al no al wer fjirtich jier it FLMD foar)

Gjin nije koers yn it Frysk Museum

It Nederlânske ferline wurdt op 't heden yn de musea op 'e nij ynrjochte. ‘Je kunt geen historisch museum binnenwandelen of het is net nieuw, wordt net heringericht of er liggen plannen in een vergevorderd stadium’, sa makke NRC Handelsblad ein desimber de museale balans op. Rûnom wurdt de tradisjonele skiednisles ferfongen troch it fertellen fan ferhalen oan 'e hân fan fraaie objekten. It moat allegear meinimmender, spannender en foaral ek ynteraktiver. Gronology - dêr kin it publyk niks mear mei, is de algemiene oertsjûging. It Frysk Museum wol bij dizze trend kenlik net achterbliuwe. En sa koe it gebeure dat Wim van Krimpen krapoan twa jier nei syn entree as direkteur - Waar ik kom wordt het leuk - de Fryske roots fan it museum ûntduts en in nije koers oankundige. De klam komt mear te lizzen op it Fryske elemint. It museum moat him mear ûnderskiede fan oare provinsjale musea èn mear Fryske besikers lûke. Yn in pittich petear mei Hilda van der Meerschaut fan Omrop Fryslân Radio ljochte Van Krimpen dat op 20 desimber op syn eigen direkte wize sa ta:

De grote basis van het Fries Museum is Friesland, de geschiedenis van Friesland en de cultuur van Friesland. En waar kunnen we ons mee onderscheiden? Dat is natuurlijk met de Friese cultuur. Dus we gaan veel meer dan voorheen het Fries Museum profileren als Fries museum. Dat betekent dat er meer vaste opstellingen komen, waarin de geschiedenis,

Trotwaer. Jaargang 32 de cultuur, dooreengeweven wordt tot een spannend geheel. En binnen dat grote geheel gaan we dan kleinere wisseltentoonstellingen maken en één keer per jaar een grote tentoonstelling. We bezitten een aantal schatten op archeologisch gebied, op zilvergebied, op textielgebied.

Trotwaer. Jaargang 32 46

Al die zaken gaan we mengen tot één fantastische opstelling over de geschiedenis van Friesland. Nou moet ik wel zeggen: de geschiedenis van Friesland die duurt tot op vandaag. We gaan er geen oudheidkamer maken, nee, we gaan een doorlopend verhaal maken over de geschiedenis van dit gebied. En dat kan niemand anders.

Is Van Krimpen dan weromkommen fan syn eardere ideeën om it Frysk Museum in mear nasjonale alluere te jaan?

Nee, nee, nee. Ik heb gezegd: we moeten minstens nationaal bekendheid hebben. Nou dat hebben we al heel aardig. Dit wordt een efficiënt, modern museum met moderne medewerkers en met een moderne inrichting. Maar het gaat natuurlijk wel over Friesland. En nou moet men niet zeggen van: hij gaat meer aandacht aan Friesland geven dus hij komt terug op zijn ideeën. Nee, mijn ideeën zijn onveranderd. Er is hier ontzettend veel leven in het museum gekomen, we maken heel veel tentoonstellingen, we doen heel veel wisselingen, maar we gaan ons wel profileren op het gebied waar we goed in zijn. Dat lijkt me nogal helder.

Gjin koerswiziging dus! Hoewol, sa manifestposityf as diskear hat Van Krimpen him oer de Fryske kultuer en de Fryske skiednis noch noait útlitten. Ek de Provinsje, dy't er oardel jier lyn noch iepentlik de oarloch ferklearre, kaam der no frij goed ôf:

Ik heb natuurlijk ook nog opdrachtgevers, zoals de Provincie. Het Fries Museum heeft een bepaalde taak. Ik laat hier ook niet in dit museum alleen maar dingen zien die ik persoonlijk leuk vind. Je hebt natuurlijk een algemene opdracht en die voeren we met enthousiasme uit.

Dat entûsjasme hat ûnderwilens noch net laat ta mear besikers: ek foarich jier wienen dat wer sa'n 55 tûzen. Mar dat soe no wolris feroarje kinne, neffens Van Krimpen:

We hebben plannen om weekenden te gaan organiseren - we hebben daar al een sponsor voor gevonden - speciaal voor de Friezen. Ik vind dat iedere Fries regelmatig in het Fries Museum moet komen, al zou het alleen maar zijn om hier een kopje koffie te drinken.

Dat koe heve op 13 febrewaarje. Tagelyk mei al wer in nije stunt fan de direkteur: in foech folksstimming oer syn oanbliuwen. Tanksij Van Krimpen syn polarisearjende optreden wie de - ymplisite - fraach dêrbij eins: foar moderne keunst of foar it Frysk-kultureel erfskip. De útslach waard live bekend makke yn it tv-programma De Plantage: 1891 foar en 893 tsjin. Van Krimpen bliuwt dus (noch even).

(tenei mear)

Trotwaer. Jaargang 32 47

Trioel

De ferbylding moat oan 'e macht

Yn Ljouwert hat jierrenlang net de ferbylding oan 'e macht west, mar fral Hûs en Hiem, de wolstânskommisje mei in ynfloed dy't fier boppe de advysstatus útstiicht. Faak oerkommend as in skoalmasterjend kolleezje mei somtiden like pitertuerlike as pytluttige opfettings. De gearstalling is net geheim, mar yn 'e iepenbiere ferslaggen meie de nammen fan de leden net neamd wurde. De advizen binne dus fundearre op anonimiteit. Gjinien kin sadwaande in lid persoanlik oansprekke op syn beswieren en de bytiden fûle krityk dy't er yn in kommisjegearkomste op in bouplan levere hat. Foar my is it in riedsel dat minsken fan wat kwizekwânsje in sit ambiearje yn Hûs en Hiem en har liene foar soksoarte efterkeammerke-gedoch. It meast ûnbegryplik is noch dat yn Hûs en Hiem ek arsjitekten mei kedize oer ûntwerpen fan kollega's en dat yn in provinsje dêr't yn in bepaalde rûnte elkenien hast elk ken. Folsleine objektiviteit by de beoardieling is dan ek in fiksje. Boppedat, keunst - en dus ek boukeunst! - moat men nea troch fakbruorren en -susters beoardielje litte. De wolstânskommisjes lizze de lêste tiid ûnder fjoer, û.o. fan it ministearje fan VROM. Hûs en Hiem sjocht it swurk driuwen, wol ôf fan it ‘aura fan geheimsinnigens’ en komt no mei in proef fan lytsere kommisjes mei foar elke gemeente ien of twa rayon-arsjitekten. Mar sa belânet men fan 'e wâl yn 'e sleat. Nee, de iennichste oplossing is arsjitekten allinnich te hâlden oan normale boufoarskriften en har fierder folslein de frije hân te jaan as boukeunstner. Ljouwert kin dan yn alle gefallen in eigensinnich arsjitektoanysk smoel krije en in stêd wurde dêr't de ferbylding wòl oan 'e macht kommen is. Henk van der Meulen

Iepen brief oan Geart fan der Mear

(Nei oanlieding fan Geart fan der Mear syn bydrage oan de rubryk ‘Meiwurkers’ yn nûmer 8 en 9 fan de foarige jiergong.)

Achte Grutmaster,

It is altyd in slimme saak de keizers fan it wurd lijen te sjen. Mar bytiden is dy pine in diggeltsje ûnterjochte. Underskreane hat, earder yn Trotwaer en letter by it útkommen fan Winterkriik (1987) yn eigen behear, al daliks de poerbêste kwaliteit fan de bondel ûntdutsen, in streksumens dêr't dy fan Reade Star by 't winter net oan tippe kin. Dan moatte jo ta dieden komme as lêzer: bestelle en dat wie yn dit gefal krekt in pear stappen mear as nei de boekhannel. En sjodêr, no wurdt dy keaperfoar in nul útmakke, negearre, net teld, as lêzer en genieter yn 't foarbygean ombrocht.

Trotwaer. Jaargang 32 Béste konfrater/konfretter, sa geane de grutten fan it wurd dochs net mei elkoar om? Help my út de bedelte fan de sliepeleaze nachten. Ik bin mei in wurdearring fan 5,5 al rêden...

Mei beskuldigjende groetnis,

Jan Dotinga.

Droegeham, op in treasteleaze Sinterklazedei yn 1999.

Trotwaer. Jaargang 32 48

Meiwurkers

Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum, de Riepe en Hjir. Peter de Haan (1949) is staffunctionaris bij de Provinsje Fryslân. Publiceerde in uiteenlopende bladen over politiek-maatschappelijke thema's. Was medesamensteller van de provinciale dichtbundel Dit is myn lân (1997). Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. Frâns Holwerda (1938). Studearre sosjale geografy en skiednis yn Grins. Wie leraar/konrektor te Ljouwert. Meilibjend Boarger, Lêzer en Toerfytser en dêrby de lêste jierren warber yn ‘de Fryske skriuwerswrâld’, û.m. skriuwer fan de K.U. Fan him ferskynde de dichtbondel Wâldmans hikke (1997). Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de KFFB útjûn wurde. Hat frijwat non-fiction en kabaretteksten skreaun. Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûkyn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. Douwe Kootstra (1951) is publisist, kolumnist en skriuwer fan reisferhalen. Hy makke begjin 1998 de oerstap fan it basisûnderwiis nei GCOfryslân. Henk van der Meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de afuk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis. Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Ferline jier ferskynden fan him Skepsels fan God (roman) en ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger. Yn febrewaarje ferskynde It wurk fan 'e duvel (roman). Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma.

Trotwaer. Jaargang 32 Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. trije dichtbondels en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje. Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as free-lance sjoernaliste foar de Leeuwarder Courant en de Friesland Post, skriuwt kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâns boeken foar bern; yn 1997 ferskynde har seisde dichtbondel, Thúslûd.

(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant voorplat

[Nummer 2]

Kommende nûmers Yn it aprilnûmer û.o. fersen fan Wilco Berga en Anne Feddema, in ferhaal fan Willem Schoorstra, in skôging fan Harmen Wind oer de poëzy fan Tsjits Peanstra en Trinus Riemersma mei in analyze fan Pyksjitten op Snyp fan Josse de Haan. Kopij foar it maaienûmer graach foar 10 april.

Trotwaer. Jaargang 32 49

Dwersreed Jan Pieter Janzen

Gjin promoasje

Gjin feestlike byienkomst fan skriuwers, útjouwers en lêzers as start fan de Fryske Boekewike, mar in flitsende presintaasje fan de nijste boeken yn in spesjale ôflevering fan it televyzjeprogramma Sadwaande. Dat soe neffens de Stichting It Fryske Boek in stap foarût wêze. In folle grutter berik: sa'n tritichttûzen sjoggers yn stee fan in seal mei goed hûndert fans en in pear stikjes yn 'e krante. Kosten: f 6000 eks. btw. (want je moatte der bij Omrop Fryslân TV soms wat foar oer ha om der foar te kommen). En wie it yndie in stap foarút? No nee. It gong op woansdeitejûn 23 maart fierste te min oer Fryske boeken, lit stean oer de nijste. In item oer Frysklêzen, in petearke oer de produksje, Joke Keizer oer har Súdwesthoekster ferline, in besite oan de Koperative Utjowerij, in petearke oer oare útjouwers en debutanten, de oanbieding fan it boekewikegeskink, Akky van der Veer mei in taljochting, twa koarte resinsjes fan Kunera en tuskentroch muzyk (fan de ûnûntkombere Bennie Huisman). Op papier like it sa gek noch net. Yn 'e praktyk pakte it ferkeard út: de boeken kamen amper yn byld, wêr't Joke Keizer har nijste oer gie bleau de fraach, de lju fan de KU sieten wer ris te seuren oer âld sear, in Pippi Langkousachtich famke krige tefolle romte om sjen te litten hoe muoilik dat frekte Frysk wol net is en wat de nijsgjirrichste nije titels wienen waard net dúdlik. Dat lêste wie mei myn eigen skuld. Ik wie ynhierd ‘foar oankundiging en besprek fan nije boeken’. Dat kaam der net fan. Mei troch tiidkrapte. Soe 'k earst tsien minuten krije, yn it foarpetear bliek it te gean om twa kear trije-en-in-heale minút, bij de opname wienen dat twa kear trije wurden. De fraach nei ‘in maklik lêsber boek’ koe 'k noch al beäntwurdzje, mar dat wie tagelyk de lêste kâns om wat oer de aktuele produksje te sizzen. Gjin wurd dus oer Tsjits Peanstra har samle fersen, oer nije berneboeken, oer de lêste romans fan Durk van der Ploeg, Trinus Riemersma en Johan Veenstra en oer al dat oare moais dat foar my op 'e tafel lei (mar dat net yn byld kaam). ‘In amateuristysk programma, dêr't my de teannen krom bij lutsen’, reagearre in saakkundige kollega de oare deis. In oaren-ien, minder goed op 'e hichte mar wol ynteressearre, wie mylder: ‘Ik fûn it heel aardich. Dochs mar wer ris in Frysk boek lêze, tocht ik nei ôfrin.’ Dat wie fansels in hele treast. Boekepromotor Durk Hibma wie net tefreden oer de gong fan saken: ‘Wy ha de ûnderwerpen wol oandroegen, mar úteinlik te min direkte ynspraak hân. It einresultaat foel ús ôf. Der wienen tefolle minsken mei oan 'e gong dy't te min affiniteit mei it Fryske boek ha. It bliuwt skipperjen. Wy sille de formule takom jier oanpasse moatte.’ De boeken serieuzer nimme as de omballingen en sjen en hearre litte wat der te keap is. Dat soe de promoasje te'n goede komme (kinne).

Trotwaer. Jaargang 32 50

Willem Schoorstra

Inkeld dan dyn hûd

de nacht hie dy en my út 'e rânsel skodde, op 'e grûn goaid, lidden mjukse ta in puzzel dy't wy gleonhjit oer d' ierde skoden, mei tjirgjende ljisken in moarn makken út moude en dauwe

yn 'e woastyn fan 'e dei wie ik dyn skorpioen, gefaar foar de foet dy't my trêdzje woe, de hân om my te bringen nei it boarst, de spien om oan te sûgjen, de nâle om my yn te kanteljen

mar dyn molke haw ik preaun, en de dea haw ik yn dy jage, oantsto stoarn wiest en wer opstiest, dyn hûd ferstrûptest mei de slang dy't yn dy wie, de glêde boal, it fonnis dat er yn syn tonge hold

de ferriederlike dy't him oanbea oan de gier dy't de jûntiid fallen die, dy yn de kloeren naam en op 'e nij beskûl brocht yn 'e rânsel fan de nacht my inkeld dan dyn hûd yn 't sân noch liet

Trotwaer. Jaargang 32 51

Har wiete lea foldie

sa spraat it waad de skonken om de basalten pier, de rysdammen, flijt mei de amme fan 'e moanne it wetter fan har skie no tsjin de stiennen, blikke prikken, it lân

dat leit te wachtsjen, de slinken dy't harren bedrinke sille oant se weiwurde yn de krampen fan hertstocht, de oerfloed as sâlte sjampanje oer harren hinne spielt

en kriezjend derboppe de kobben wite skaden fan ûnrêst, finzen yn 'e kouwe fan ferwachting dy't wolkjend oan 'e sinne hinget, en, mear noch, tsjin de mjitlatte fan de einder, in skym fan eilannen hymjend tsjin it boarst fan 'e see, de glandige dy't har wiete lea foldien wer fan it lân weromlûkt, it puollemûlkjend lizze lit

Trotwaer. Jaargang 32 52

Oer de dichter Douwe Tamminga Lolle Nauta

Yndividu en folk

Yn de literatuer oer Tamminga wurdt gauris in ûnderskie makke tusken de mear yndividualistyske fersen èn gedichten as de balladen dy't ornearre binne foar in breed publyk. Fedde Schurer bygelyks skriuwt dat Tamminga ‘net inkeld in yndividueel belibbe gedicht as Sitadel skriuwe kin, mar ek de skepper waerd fan de bêste Fryske balladen’. Wadman leit it aksint krekt oarsom. Foar him is Tamminga op it foarste plak de dichter fan It griene jier en de Nije gedichten. Fan de balladen seit er dat hja driuwe ‘op een technisch raffinement dat allesbehalve van hun innerlijke noodzaak overtuigt’. As ik my net fersin hat de dichter sels syn mear yndividuele en sis mar Frysk-sosjale kant meastentiids net as in tsjinstelling belibbe. Foar beide soarten fersen makket er gebrûk fan de folkstaal. Yn beide gefallen wurdt dy folkstaal, sa't arbeiders, boeren, fiskers en ûnderwizers dy sprekke, optild ta it nivo fan de literatuer. Dêr komt by, dat Tamminga sels fakentiden úthâlden hat, dat er gjin dichter wêze wol foar in elite allinne. Ek om dy reden sil de tsjinstelling tusken yndividu en mienskip, dy't Schurer en Wadman beide meitsje, him net tige oansprekke. Folk

Sjong yn my òp, folk, det út ierde en slyk ûntspringe mei it liet det út 'e slinken fen dyn bistean steil oanbigjint to klinken, libben as wetter, batsend jin dyn dyk.

Meitsje my tsjinstber, folk, om dyn útgongen to sizzen yn it liet det altyd sprekt fen dyn rispings en sinneûndergongen; ek as koartamich ienris dit liet brekt, den wit ik fan dyn skûne my in skeaf, sjong yn my òp, folk, hwent ik haw dy leaf.

Dochs leit hjir fansels wol in probleem. As de dichter mei help fan eleminten út de folkstaal in literêre taal konstruearret - en sa't eltsenien wit, is dat ien fan de grutte fertsjinsten fan de dichter Tamminga - wurdt de bân mei it folk tagelyk ek... ferbrutsen. Foar de skientme dy't no ûntstiet, wurdt de priis betelle fan in sekere distânsje. Wurdt it folk hjir emansipearre of emansipearret hjir de dichter him mei in berop op it sabeare folk? Sels in dichter as Tamminga, dy't him net weromlûke wol yn de ferneamde ivoaren toer en dat ‘as minske’, sis mar as taalman en Fryske beweger, ek nea dien hat, draacht mei elts fers dat er skriuwt - en yn elts gefal mei de mear yndividuele - by oan syn ôfsûndering. De beswarrende toan fan in fers as ‘Folk’ feroaret dêr neat oan. Is it tafallich dat it net opnommen waard yn de bondel Stapstiennen, de seleksje dy't Tamminga yn 1979 makke út syn wurk? Kin it wêze, dat de dichter dit njonkelytsen sels ek ûntdutsen hat? Fersin ik my as ik sis dat yn retroperspektyf ‘it folk’ yn Tamminga's wurk mear in literêre kategory liket as in

Trotwaer. Jaargang 32 sosjale realiteit, in entiteit dy't de dichter holpen hat om syn wurk te legitimearen, in nuttige fiksje efterôf?

De lyrikus en de ferteller

Der is in oare, mei de foarige gearhingjende, tsjinstelling dy't yn 'e literatuer oer Tamminga hieltyd wer opdûkt en dat is dy tusken de lyrikus en de ferteller. De dichter fan It griene jier, Nije gedichten bygelyks en In Memoriam net te

Trotwaer. Jaargang 32 53 ferjitten èn de auteur fan de Balladen en oar mear ferheljend poëtysk wurk. Dy tsjinstelling wol ik relativearje. Ek as lyrysk dichter bliuwt Tamminga de ferteller, dy't er yn murch en bonken is. Nim it lyryske In Memoriam. Foar in grut part binne dat fersen dy't fertelle oer lytse foarfallen út de tiid dat de heit en mem noch in soan hiene.

Fiel ik syn fuotstap nêst my yn 'e rein? hoe heucht it my: bisiden manljustappen dat earste dribbeljen en 't aloan snappen oer grien en geld as er my brócht in ein; ‘Jan seit, in plysje dat is in agent’; ‘it iis hâldt al in bytsje by de brêge’; soms spile er mei myn gongelstôk de sêge fan Willem Tell of fan Old Shatterhand;

Mei't er fertelt oer syn soan behellet de dichter de lêzer yn it fertriet oer it ferlies. Ik wol hjirmei net sizze dat Tamminga mear in epysk dichter wêze soe as in lyrikus. Syn lyrysk wurk is unyk yn de Fryske literatuer fan dizze ieu. Ik wol der allinne op wize, hoe wichtich it fertellende elemint ek yn de pur sang lyryk is. Dit docht ek bliken út it sterk fisuele fan guon lyryske fersen dy't somtiden skilderijkes binne. Sels yn in o sa lyryske syklus as It griene jier is dat werom to finen. Dit leafdesliet fertelt wat in frou trochmakket fan de leafdesmoeting ôf oan oant de berte fan in bern. De lyryk fan de leafde ûntjout him yn fjouwer stadia dy't op inoar folgje as de haadstikken fan in ferhaal: ûntfinzenis, advint, berte en postludium. Men soe hjir tsjin ynlizze kinne, ja, astû it wurd fertelle yn sa'n brede sin brûkst, dan is eltse dichter in ferteller. In lyrysk gedicht wol altyd wol meidieling dwaan oer eat dat bard is. Nei myn betinken is dat lykwols net it gefal. Fergelykje Marsman en Nijhoff, beide dichters

Douwe Tamminga beharket Lolle Nauta, syn eardere buorjonge. (foto Hoge Noorden/Jacob van Essen) dy't Tamminga beynfloede ha. Nijhoff is in fertellende dichter, lykas Tamminga, mar de ekspressionistyske Marsman is dat folle minder. Binne Lucebert en Hessel Miedema fertellende dichters? My tinkt fan net.

Trotwaer. Jaargang 32 It ûnderskied tusken de ballade-dichter en de lyrikus is dus relatyf, want ek yn de lyryk wurdt ferteld. Dat bringt my ta de fraach, wêroer dan? Wat binne de sintrale tema's yn de ly-

Trotwaer. Jaargang 32 54 ryske poëzij dy't Tamminga ferneamd makke hat?

Twa sintrale tema's

It binne der twa: leafde en fergonklikheid. Men kin Tamminga wat dat oanbelanget in klassike dichter neame, in dichter sa't dichtersfolk suver altyd west hat. Altyd wer binne dit de dingen, dêr't dichters fan sjonge, mei wrakselje, om it wat patetysk te sizzen. Betink mar ris in tredde tema dat yn de poëzij yn it algemien like belangryk is as dizze twa. By Tamminga is it binammen it nimmenslân tusken leafde en fergonklikheit, dêr't er as dichter syn wei yn besiket te finen. Fergonklikheid dy't tematysk wurdt, as ferlern wurdt wat jin leaf is. Leafde dy't in hoart beskermet tsjin fergonklikheid. Beide tema's roppe inoar hieltyd wer op. Yn it leafdesliet ‘It griene jier’ is ek it tema fergonklikheid werom te finen. Yn ferneamde gedichten oer de fergonklikheid as ‘De sitadel’ en ‘Amor Fati’ is ek de leafde in sintraal tema. En leafde by Tamminga is nea sentiminteel of geastlik. It is de hertstochtlike, ierdske leafde tusken man en frou. Ek de briljante oersetting fan ‘The Raven’ fan Poe hat as eftergrûn it riedsel fan in ferlerne leafde.

Op in hjerstnacht doe't it rûze, wylst ik wurch en heal yn dûze by myn boeken mymre en sûze oer in lear dy't gyng te loar, wylst myn kriich aloan fersloppe en ik mei de sliep omtoppe, hommels wie 't as waard der kloppe, súntsjes kloppe op myn doar. ‘Grif in lette gast’, bepreuvle ik, ‘klopjend op myn keamersdoar, inkeld sa'n ien en gjin oar.’

Nea sil my dy nacht ferjitte, bûtendoarren kjeld en wiette, en by 't hurdstee spoeke jitte sintelgleonte yn't konfoar. Moedsum hie ik teld de stûnen, want gjin boek wêryn ik fûn in sêfte balsem foar myn wûnen, wûnen slein my om Lénoar, om infaam nea keiner skepen, fan de ingelen neamd Lénoar: lûd dat hjir foar jimmer stoar.

Wat de dichter oer dat faaie ferbûn fan de tiid en de leafde te sizzen hat, kin men nei myn betinken net gearfetsje of werjaan, ek al wurdt dat troch poëzij-besprekkers fakentiden wol besocht. As dat mooglik wie, wiene de fersen yn kwestje sels ommers oerstallich. Ek by in fertellende lyrikus kin men foarm en ynhâld net faninoar los meitsje en sizze: sjoch, dit is wat hjir sein wurdt. In slagge gedicht hat gjin boadskip. As 't goed is, seit it neat dat der al net stiet. Krekt by it type dichter dat Tamminga is - ik doel fansels op de taalbouwer, sa't er altyd wer neamd wurdt - is dat evidint. Syn grutte fersen binne brokken taal. Erts-eftige stikken kommunikaasje, dy't har geheim allinne priis jouwe oan dyjingen dy't se lêze en wer lêze. ‘Der wahre Künstler’, seit Nietzsche, ‘ist derjenige der die Form seines Werkes als dessen Inhalt empfindet.’ Amor Fati

It libben, Ijea, waerd fen de dea bisocht. Kom, wiuw farwol. Ut hwet de Nornen twine Kin dû noch ik gjin kleare kleaune wine. It libben, Ijea, wirdt mei de dea bikocht.

Trotwaer. Jaargang 32 Ik wit, det bline krêften dy't de steaf Dêrstû op linest' brieken en tomôgen Dy as in lest lizze op 'e wynbraubôgen, Mar haw oer in lyts grêf it libben Ijeaf.

Hjerstreagen waeije op in ûnwennich hôf, Dêr't wy fordoarmen yn deselde fragen.

Trotwaer. Jaargang 32 55

Bipaedzje wer de tún fen earder dagen En haw it libben ljeaf; kom, fûstkje ôf.

Ik liz myn palmen om dyn triljend wang. Tohaevne is de dream dy't wy biwennnen. Mar ljeafde bliuwt en mei dyn waerme triennen Forfarkestû myn krêft in libben lang.

De fersen dy't Tamminga meinommen hat út it nimmenslân tusken leafde en fergonklikheid en dy't har oarsprong fine yn krisis-sitewaasjes, moatte fansels net ta dy nuodlike jierren redusearre wurde. Yn ús t.v.-tiidrek, dêr't emoasjes fakentiden populêrder binne as arguminten, leit soks foar de hân. Hoe persoanliker, hoe moaier. In dichter lykwols is immen dy't by steat is persoanlike krisis-sitewaasjes te generalisearjen, der in mear as partikuliere betsjutting oan te jaan, kommunikaasje ta stân te bringen mei de lêzer en har of him eat ûnderfine te litten dat nij is. In fers skriuwe is de eigen ûnderfiningen hifkje en mei it ynstrumint fan de taal, as in wittenskipper yn it laboratoarium, ûndersykje wat dêrfan besjen lije kin en wat net. Der ha wolris kritisy west dy't har by Tamminga syn wurk ôffrege ha: wêr is de man sels? Ferskûlet hy him net tefolle efter syn magistrale metafoaren? Ik bin it mei de ymplisite krityk efter dy fraach net iens. Op de hichtepunten fan it oeuvre fan Douwe Tamminga binne foarm en feint ien.

Bêste Douwe, âlder wurde, ynhelle wurde troch de fergonklikheid, it betsjut ek dat it stiller wurdt. Hieltyd mear leeftydsgenoaten ûntfalle jin. Dyn fersen presteare it lykwols, om tsjin dat fatum yn te gean. Har kwaliteit is sadanich, dat der hieltyd wer nije lêzers súntsjes klopje sille op dyn doar.

(Taspraak holden op 21 novimber 1999 op de feestlike byienkomst yn de Ljouwerter Harmonie ta gelegenheid fan Douwe Tamminga syn njoggentichste jierdei.)

Trotwaer. Jaargang 32 56

‘It libben is goed!’ Liesbeth Brouwer

Lolle Nauta, Stasjonearre yn Fryslân. Essays, besprekken en polemiken, Fryske Akademy, Ljouwert 1999. 234 siden. f 32.50.

Op fersyk fan de redaksje fan de Holderrige hat Lolle Nauta in kar makke út syn essays oer en besprekken fan Fryske literatuer út de jierren '50 en '60. Dy binne gearbrocht yn de bondel Stasjonearre yn Fryslân. Essays, besprekken en polemiken. We meie tankber wêze foar dit inisjatyf, want, sa as Nauta it sels seit yn syn foaropwurd, sûnder de oantrún fan de redaksje - benammen fan Babs Gezelle Meerburg -, wie it der net fan komd.

Nauta hat in skoftsje aktyf west yn it Fryske literêre fermidden, en is dêrnei oare wegen gien. Hy hat him langer minder dwaande hâlden mei proaza, poëzij en literatuerkrityk en him talein op bredere politike en sosjale tema's. Sintraal yn syn wurk stean politike en sosjale emansipaasje en de betingsten foar rjochtfeardige polityk. We kinne it spitich fine dat er him ein jierren '60 weromluts út de Fryske république littéraire, mar better is it bliid te wêzen dat er dêr in skoftke yn tahâlden hat. En, om mar direkt mei myn oardiel oer dizze bondel foar it ljocht te kommen: ik tink dat de bondel net allinne nije belangstelling foar in stikje Fryske literatuerskiednis oproppe sil, mar dat dy ek refleksje op it gebrûk fan de literatuer ta gefolgen hawwe kin. De essays binne in Fundgrube foar de literatuerhistoarikus, omdat se tagong jouwe ta it libbensgefoel fan de jierren '50 en '60, mei syn tsjinsin tsjin falske mienskipsideologyen en syn modernistyske klam op de krekte utering fan gedachten en ideeën. De bondel jout ús, behalve essays, besprekken en polemiken, in bibliografy fan Lolle Nauta syn wurk oer en nei oanlieding fan Fryske literatuer. Fierder fine we in ynlieding op de bondel dy't Nauta yn 1997 skreaun hat. Hjir fertelt Nauta ús hoe't hy as jonge Grinzer teologyen filosofystudint yn de Fryske letteren telâne komd is, wêr't hy doe by belutsen waard en wat hy der no, weromsjend, fan tinkt. Dat weromtinken konsintrearet him op syn algemiene oertsjûging fan it politike karakter fan literatuer en jout in útwurking dêrfan foar wat der yn de literatuer yn Fryslân barde om '60 hinne. Oan al de trije ûnderdielen fan de bondel sil ik omtinken jaan.

It is net alhiel dúdlik hoe't de kar fan de essays presys yn syn wurk gongen is. Nauta seit dêroer dat der oerlis mei de redaksje west hat en dat syn besprekken hifke binne op hjoeddeiske literêre relevânsje. Wy kinne ús ôffreegje wat de bydrage fan Nauta sels yn dat oerlis west hat, want sels mjit er him sa'n oardiel net oan. Ommers, sûnt de jierren '70 folget hy de Fryske literatuer net mear. It liket der dan ek op dat wy de redaksje foar de kar fan de essays ferantwurdlik hâlde moatte. Yn de bibliografy bin sa'n 55 opstellen opnomd; foar it grutste part binne dy oan de Frys-

Trotwaer. Jaargang 32 57 ke literatuer wijd, mar soms hawwe se ek in algemiener karakter en binne se yn de bibliografy opnomd omdat se yn in Frysk literêr tydskrift ferskynden. Trije fan dy algemiene opstellen binne yn de bondel opnomd ûnder it kopke Literatuer en polityk. As wy de opstellen dy't net eksplisyt oer der Fryske literatuer geane fan it totaal ôflûke dan bliuwe der 42 oer; dêrfan binne 30 opnomd yn Stasjonearre yn Fryslân. It is my net rjocht dúdlik wêrom't de redaksje net ta yntegrale werprinting fan Nauta syn Fryske opstellen oergongen is. De 12 dy't net opnomd binne lykje my, ôfgeand op 'e titel, krekt like nijsgjirrich as dy dy't wol opnomd binne. Wat bygelyks te tinken fan in titel as ‘Rabberij oer D.A. Tamminga yn libben dichter to Ysbrechtum’? It hie aardich west as de redaksje fan de Holderrige har ideeën oer it belang fan de essays yn in redaksjoneel taljochte hie. As it har bedoeling west hat de lêzers yn de kunde komme te litten mei in nijsgjirrige essayist, dan hie der ek in soad foar te sizzen west en jou syn ‘Fryske’ wurk yntegraal út. Koartsein, redaksje, wat wiene de motiven om no krekt dizze opstellen fan Lolle Nauta te bondeljen? Dat liket my in fraach yn de geast fan de skriuwer sels - as dy earne it mier oan hat dan is dat wol oan arrivee te wêzen, om op autoritêre en konvinsjonele grûnen omheechstutsen te wurden en om foar literator hâlden te wurden, wylst er allinne mar ‘mei in stik of wat algemiene gedachten tusken de fersen trochskarrelet’ (191). Sa karakterisearret Nauta yn syn besprek fan Wankend Stomp fan Steven de Jong syn eigen besprekkerswurk. Pleatst foar de op dat stuit nije poëtyske uteringen as dy fan De Jong of Hessel Miedema, besiket er in antwurd te jaan dat noch modieus ferhearlikjend is, noch tradisjoneel fersmitend. Lolle Nauta nimt poëzij serieus en ferhâldt him der iepen en earlik mei. Dat it is it earste dat opfalt oan de opstellen: se binne oer alle bûgen earlik, analytysk en eksplisyt. Nauta freget him tsjin de literatuer oer eat ôf, tinkt der oer nei wêrom't er boeid wurdt en leit himsels iepen foar de lêzer. Mei dy earlikheid balansearret er lykwols op it skerp fan de sneed: soms wurdt syn eksplisiteit wat skoalmastereftich. Dy kant fan syn persoanlikheid hat er grif yn de jierren tusken '67 en no fierder ûntwikkele, want benammen yn syn essay fan '97 is syn styl botte didaktysk.

Polityk

Nauta syn opstellen binne oardere yn fjouwer parten: Literatuer en Polityk, Frysk proaza, Fryske poëzij en Polemiken. Binnen de lêste trije parten is de folchoarder min of mear gronologysk. Mar frjemdgenôch is yn it foarste part - Literatuer en Polityk - de folchoarder net troch de gronology beskaat. Yn dit part ûntwikkelet Lolle Nauta syn fisy op literatuer, en op de ferantwurdelikheid fan de besprekker fan literatuer. Sydlings komme ek syn ideeën oer yndividu en mienskip oan de oarder. Hiel moai is de yndividualistyske libbenshâlding dy't hy as sines beskôget, ferwurde yn it essay ‘De frijheid yn spegelbyld’ út 1955. Oanlieding foar it essay wie de ynstelling fan 5 maaie as de nasjonale befrijingsdei. Nauta freget him ôf wat befrijing is, foar wa't der befrijing wie en foar wa net. Hy keart him tsjin it taeigenjen fan oarloch en befrijing troch in kliber dy't him net hoegde te ferdigenjen en stelt him op it stânpunt dat wij eins net witte wat frijheid betsjut: it is in wurd skreaun yn spegelbyld en it is mei allinne de spegel fan de ûnderfining

Trotwaer. Jaargang 32 te ûntsiferjen. Hy set him ek ôf tsjin in nasjonaal fieren fan befrijingsdei, omdat ús maatskippij net mear ‘de ferbûnens hat dy't noadich is foar in mienskip-

Trotwaer. Jaargang 32 58 lik idealisme en in mienskiplike skiednis’ (32). Om dy reden hawwe dyjingen dy't de striid allinne fan hearren sizzen hawwe neat mear te krijen mei dyjingen dy't him striden hawwe. Hy merkt op dat de ûnderfining fan striid en befrijing frijwol net oer te bringen is, mar ‘sa no en dan ferskynt efter de befrijing it gesicht fan in minske, dêr't syn ûnfrijens noch op te lêzen falt’(32). Hy doelt dan op beskate literêre wurken dêr't de ûnderfining fan it ûnbeskerme de oarloch yngean en it ûnbeskerme ferwurkjen dêrfan, yn oerbrocht wurdt. De literatuer fan de Twadde Wrâldoarloch is literatuer dy't gjin antwurd jout op de fraach nei it wêrom fan de striid, dêr't gjin helden yn foarkomme, mar allinnich yndividuen, allinne ûnder de ‘uncurious stars’. It stânpunt dat Nauta yn dit essay ferwurdet is, fyn ik no, strang en skerp. It liket de mooglikheid fan identifikaasje út te sluten, wierskynlik út eangst dat identifikaasje taeigening wurdt. Mar tagelyk is it ek optimistysk: it set de mooglikheid fan de minske om yndividueel te oardieljen en analysearjen tige heech. It twadde opstel draacht de titel ‘Literatuer en engaazjemint’ (1960). Hjir ferhâldt Nauta him mei Jean Paul Sartre en dy syn ideeën oer it engaazjemint fan de literatuer. Nauta freget him ôf wat engaazjemint foar in keunstner betsjut. Sartre skriuwt de skriuwer in frijheid ta dy't hy net hat: de keunstner stiet ûnfrij foar himsels oer. Syn engaazjemint bestiet deryn keunst te meitsjen, neat oars. En dat docht er troch net te witten wat er wol. De keunstner is in ûntdekkingsreizger, hy wit net wêr't er telâne komme sil, mar hy moat fierder. Nauta yillustrearret syn fisy oan de figuer fan Dostojewski - ek it ûnderwerp fan it tredde essay, út 1954. Dostojewvski wie engazjearre, hy hie in boadskip, woe it Russyske folk bekeare, it beskermje tsjin westerske oanslaggen as it kommunisme en it ‘Russysk’ hâlde. Mar as syn romans allinne dat boadskip brocht hiene, seit Nauta, dan wiene se ‘yn de wrâld likemin opmurken as de Fryske literatuer’ (42). Omdat Dostojewski trou wie oan wat literêr sjoen moast, oerstige hy it programma dat er foar him sels ûntwurpen hie. Mar wat is no: trou wêze oan wat literêr sjoen moat en wêrom liedt dat der altiten ta dat - sa as Sartre seit, en dêr't Nauta mei ynstimt - in goede roman nea konservatyf wêze kin? Alle goede romans sette har yn foar de ferdrukte minske of de minske dy't lijt. Dat hat te krijen mei it ferskynsel dat de keunstner in minske is dy't net de beskikking hat oer himsels, oan himsels oerjûn is en himsels de ûnmacht de wrâld nei syn hân te setten tastean moat. ‘It engaazjemint fan de keunstner bestiet yn syn ûnmacht as minske.’ (44) Nauta soe Nauta net wêze as er dêr tefreden mei wie, want wat is syn engaazjemint as besprekker fan literatuer dan? Mei er him de posysje fan de keunstner wol taeigenje? Nee, seit er, de kritikus moat ree wêze de dupe te wurden fan wat er lêst, want allinne dan ‘kin it wêze, dat er mei de minske dy't lijt in lyts bytsje solidêr is’ (46). Yn de earste trije essays fan it skift Literatuer en Polityk komt de Fryske literatuer allinne sa sydlings oan 'e oarder. Lykwols it fjirde essay - ‘It smelle front fan de intelligentsje’ út 1957- hat it wurk fan de skriuwer, dichter, essayist en kritikus Anne Wadman ta ûnderwerp. Dy hat dan twa fersebondels, in boek mei koarte ferhalen, in mânske dissertaasje, in roman, in blomlêzing fan de Fryske poëzij en in grut tal kritiken op syn namme. Nauta hat Wadman heech, net omdat al syn fersen, ferhalen en skôgingen it nivo berikke dêr't se foar ornearre binne, mar omdat Wadman der yn Fryslân - op dat stuit

Trotwaer. Jaargang 32 - lykme allinne foar stiet de hâldberheid fan syn literêre en krityske idealen te ûndersykjen. Nauta lit sjen

Trotwaer. Jaargang 32 59 dat Wadman net, sa as in soad minsken tinke, op arrogante wize de Fryske literatuer op in heger plan bringe wol. It is earder oarsom: elts nij Frysk wurk bepaalt oant op grutte hichte Wadman syn nivo, ‘om't er as skriuwer telâne kommen is yn kontreien, dêr't er it net noflik hat en dêr't er dochs thúsheart’ (73).

Proaza

De ôfdieling Frysk proaza fyn ik de minst nijsgjirrige fan de bondel. Oars as Wadman lit Nauta him net syn nivo foarskriuwe troch wat der op literêr mêd ferskynt yn Fryslân. Hy siket op wat him op 'e ien of oare manier noasket, omdat it aardich is of krekt net. Wat it proaza oangiet binne dat de roman Hoeder en Skiep fan Watze Cuperus, twa ferhalebondels fan Jo Smit, in ferhalebondel en in roman fan Anne Wadman, Jan Piebenga syn essaybondel Omgong en trochtocht en it essay oer de moderne Fryske literatuer, ‘Préokkupaesje of frije kreativiteit’ fan Ype Poortinga. Nauta hifket it proaza mei de betingsten dy't hy yn syn essays oan literatuer stelt. Watze Cuperus syn roman wie in ferrassing foar him, hy ferwachtte in ferhaal skreaun neffens in tradisjoneel-stichtlik prosedee, mar fûn in roman mei in haadpersoan dy't net yn it klisjee past. Nauta yllustrearret hjir syn ideeën oer de ûnfrijheid en ûnmacht fan de skriuwer nochris. Cuperus hie miskien wol in stichtlik boadskip, mar skriuwenderwize makke dat plak foar in sykjende, iepen hâlding dy't late ta in nijsgjirrige karaktertekening fan de haadpersoan fan de roman, de dûmny Tinga. De ferhalen fan Jo Smit befalle Nauta út soarte. Se hawwe faak as tema de ferhâlding fan kollektiviteit en yndividu. Troch Smit syn suggestive wize fan fertellen noadigje se de lêzer út ferskillende ynterpretaasjes te besykjen, mar jouwe se him ek de frijheid it troch de tekst oproppen probleem it probleem te litten, te akseptearen dat it der is, om lykwols dochs beseffe te kinnen dat ‘it libben goed is’ (84). Jo Smit syn twadde ferhalebondel ferget Nauta wer op syn rol as besprekker. Konfrontearre mei Smit syn ta op in hichte betsjuttingsleaze, ûnpersoanlike en abstrakte ferhalen, freget Nauta him ôf wa't hysels is: moat er him - op in Rodenko-eftige wize - beheine ta in technyske, formele analyze fan de ferhalen, of moat er ‘lâns persoanlike wei kompenseare foar it betsjuttingsleaze’ (106)? Hy kiest foar dit lêste en sjocht de ferhalen as spegels fan syn eigen skuldbesef: alle ferhalen hawwe in moraal, mar dy stiet sa fier ôf fan de gewoane moraal, ‘dat er allinne mei de dûbelsinnige koade fan it eigen libben te ûntsiferjen is’ (111). Yn it essay dat Nauta wijt oan Jan Piebenga syn Omgong en trochtocht, lit er sjen hoe't it net moat. Net allinne binne Piebenga syn ideeën benypt en anty-modern, se binne dat fral ek troch de wize dêr't Piebenga syn taal op brûkt. Yn dit essay presintearret Nauta him as ‘rasechte’ modernist en ferset er him tsjin bombast en de wegering om de wrâld om jin hinne te analysearjen. Tsjin dat soarte fan skriuwen set er dat fan Anne Wadman ôf. Lykwols is syn oardiel oer Wadman syn ferhalen net alhiel loovjend. Syn ferhalen misse noch alris needsaaklikheid; faaks binne de personaazjes isolearre fan har omjouwing. De bêste ferhalen fynt Nauta dan ek dy dwêryn't personaazjes yn ut har isolemint helle wurde en net mear op harsels besteane.

Trotwaer. Jaargang 32 ‘Er ontstaat een realiteit die anders is dan onze dagelijkse wereld, waarin wij onder eigen naam schijnbaar zelfstandig rondstrompelen’ (97).

Poëzij

De besprekken yn it part Fryske poëzij falle rûchwei yn twaen útien: besprekken fan dich-

Trotwaer. Jaargang 32 60 ters en gedichten út de quatrebrasgroep en fan dichters dy't net ta dy groep hearre. Lykwols stiet yn de hiele ôfdieling de problematyk fan it persoanlike sintraal. De kwestjes dêr't Nauta tsjinoan rûn yn de ferhalen fan Smit fynt er yn namste ferheftiger foarm yn poëzij - wierskynlik de reden dat er de ferhalen fan Smit poëtysk neamt. De problematyk fan it persoanlike wurket Nauta út foar de dichter sawol as foar de besprekker - en krekt om dat lêste fyn ik se sa weardefol. Op ferskillende plakken ferwiist Nauta nei de Ingelske dichter en estetikus T.S. Eliot, dy't it romantysk tinken oer persoanlikheid ferskode en poëzij sjocht ‘not as a turning loose of emotion, but an escape from emotion; it is not the expression of personality, but an escape from personality’ (127). It earste besprek yn dizze ôfdieling jildt net sasear poëzij, mar in essay oer poëzij:. It giet om Fokke Sierksma syn Bern fan de ierde oer it wurk fan Obe Postma. Nauta syn besprek is út 1954; yn 1958 skriuwt er nochris oer Obe Postma, dan oer dy syn bondel Fan wjerklank en bisinnen. Nauta is net in kritykleas bewûnderer fan Obe, hy fynt benammen de lettere fersen te glêd. It giet yn de poëzij om de spanningsferhâlding tusken minske en dichter. Yn Obe Postma syn wurk is dy spanning soms fielber, mar faak ek net: de dichter fertelt oer syn belibjen fan poëtyske mominten, mar slagget der net altiten yn dat belibjen oer te bringen yn syn fersen. Uteinlik hat dat te krijen mei Obe Postma syn eigen ienheidsbelibjen: by de âldere dichter liket de spanning fuort, ‘minske en dichter ha ôfakkoarte’ (129). Yn it essay fan Fokke Sierksma fynt Nauta in hâlding fan de kritikus foar poëzij oer, dy't him befalt en dy't him ek ta foarbyld wurdt. Fokke Sierksma ferstiet better as wa ek de fersen fan Obe Postma en lit dat blike yn it essay sels. Mei Sierksma sjocht Nauta it doel fan de poëzij yn de moeting tusken tekst - dy't ‘werom wiist nei de minske, dy't it makke’ (126) - en lêzer. It giet net oan nei te sizzen wat de dichter faak better sein hat, de lêzer moat it fers konfrontearje mei wat himsels beweecht. De moaiste oantsjutting fan wêr't it om giet yn literatuer en poëzij fine we yn it besprek út 1958 fan twa berneferskebondels, De Mâlbroekmich fan Diet Huber en Juffer Kuorkebier fan Tiny Mulder. Nauta syn foarkar giet út nei Diet Huber har wurk. Har ferskes binne kolderich, se drukke ús bestean út foarsafier it net betekene is, net ynfold mei rjuchten en plichten, mei ferwachtingen en aspiraasjes, mei nammebuorden en funksjes; se roppe it fûgelfrije bestean fan de minske op. Dy selde romte naam ek Jo Smit yn, of better sein, tsjutte ek Jo Smit oan yn syn ferhalen. It is de romte aan gene zijde, de romte dêr't it libben is. As der ien medium is dat dy romte wit op te roppen, dan is it it artistike. Dizze romte aan gene zijde is it betingst foar keunst. Dy romte is net foarbehâlden oan de keunstner, mar dyjinge dy't dy romte wit te ferbyldzjen is keunstner, sa soene wy Nauta syn fisy gearfetsje kinne. Sjoerd Spanninga is de dichter dêr't Nauta it meast mei op hat. Hy neamt it lêzen fan dy syn bondels ‘onvergetelijke ontmoetingen’ (137). Yn de rin fan de jierren besprekt er trije bondels fan Spanninga en hy ferwûndert him yn alle trije gefallen oer it ûnpersoanlike, abstrakte - allinnich mar poëzij - fan de fersen. Sa ûnpersoanlik binne dy dat er him ôffreget oft de dichter eins wol bestiet. Yn syn besprekken fan Spanninga syn wurk komt it besprekkersprosedee fan Nauta it bêste foar it fuotljocht: de fersen binne net Frysk en se binne ek net eksoatysk, se binne net benypt en helje har ynfloeden net bewust út oare literatueren. Ek hjir wer oerstiigje se de simpele - en ideologyske - tsjinstelling tusken iepen en sletten, Frysk en

Trotwaer. Jaargang 32 61 ynternasjonaal. Spanninga syn poëzij wol niks oars wêze as puere poëzij en brûkt dêrfoar alles wat mar om omtinken freget. It is de poëzij fan de stilte, fan de iensumens, as resultaat fan alert omtinken. In hiel moai besprek wijt Nauta ek oan de bondel Sa Sydlings fan Freark Dam. Oertsjûgjender en simpeler as Riemersma yn syn Proza van het Platteland, lit Nauta hjir yn sjen wêrom't yn in lytse taalgebiet it skriuwen op himsels mear in died fan belang is as yn in grutter taalgebiet. Nearne fine wy by Nauta dat twangmjittige stribien nei in folwoeksen literatuer. Ek dy tsjinstelling lost hy op: it probleem dat de Fryske literatuer sjenres oan de boppeen ûnderkant mist, blykt formalistysk gejeuzel. Yn earste ynstânsje falt de kwasy-moderne poëzij fan de eksperimintelen fan de quatrebrasgroep Nauta raar op 'e lea. Hy sjocht it as tendinspoëzij dy't yn it foarste plak teken is fan in feroarjende maatskippij. It is de poëzij fan de spikerbroekegeneraasje dy't alle war docht om út de beheindens fan de Fryske kultuer te brekken. It is ek poëzij mei in heech persintaazje eschatology: alles moat oars en al is it mar in bytsje oars is, dan wurdt it al geweldich fûn. Yn de rin fan de tiid lykwols begjint Nauta ûnderskied te meitsjen. In dichter as Jelle de Jong, mar ek Steven de Jong en yn it foarste plak Hessel Miedema, sjocht er har geandewei literêr ûntjaan. Hieltiten mear each kriget Nauta foar de koartsichtige ôfkar fan dizze nije poëzij troch it Fryske literêre establishment, dêr't er, troch syn redakteurskip fan De Tsjerne, by heart. Nauta syn essays litte sjen dat de konfrontaasje tusken eksperimintelen en establishment net in saak wie fan seks allinne. Wichtiger is dat de dichters fan de quatrebrasgroep eins gjin relaasje hawwe ta de âldere dichtersgeneraasje. Se jouwe troch har wurk, har kultuer en har programma's blyk fan in, net iens bewust, negearjen fan de Fryske literêre skiednis. Schurer, Tamminga, Postma, it binne harren foarbylden net, noch om har tsjin ôf te setten, noch om nei te folgjen; dy wenje, sa as Nauta it sa treffend seit, oan de oare kant fan de Ofslútdyk. Dit jildt lykwols net allinne foar de saneamde eksperimentele poëzij. Nauta sjocht itselde ferskynsel yn it wurk fan twa, troch him wurdearre dichteressen, Tiny Mulder en Tine Bethlehem.

Polemyk

Yn de essays dy't de redaksje as Polemiken karakterisearre hat, is it oerhearskjende tema it swijen, of better sein, it stilhâlden. Nauta ferbrekt yn syn besprekken de stilswijende ôfspraak om, tsjin better witten yn, in ‘positive grûnhâlding’ oan te nimmen tsjinoer alle literêre oanslaggen yn Fryslân oer. Hy lit sjen dat dy grûnhâlding him beheint ta wurk dat in bepaald klisjee oer Fryslân en de Friezen werhellet: it agraryske lân mei de ynbannige minsken. Om dy positive grûnhâlding skamje yn Fryslân guon minsken har net om dingen te skriuwen dy't ‘yn in oar taalgebiet in goed deiblêd net iens opnimme (soe)’. Hoe beheind as dy grûnhâlding is, wurdt dúdlik as dêr wat skreaun wurdt dat ôfwykt fan dit klisjee en ek net yn de tradisjonele sin ‘goed’ is, sa as Spanninga goed is, of Obe Postma. Dan is it net bêst, sa docht bliken út de grutte ûnrêst dy't de seksueel minder omfloerste fersen en ferhalen fan

Trotwaer. Jaargang 32 de modernen in pear jier letter oproppe sille by de selsbeneamde, Fryskliterêre autoriteiten. Yn it besprek fan Mei de pinne helle (1957) en it antwurd op de krityk dy't dat lêste besprek úthelle, ‘Diskusje oer in kanarjeboekje’, beide út 1958, giet it om it ferswijen fan it tekoart oan kwaliteit fan de koarte ferhalen dy't nei oanlieding fan de Rely-Jorritsma-rally skreaun binne.

Trotwaer. Jaargang 32 62

Yn ‘It bearen fan lilke Douwe’ út '65 giet it om de reaksjes fan it Fryske literêre establishment op it essay fan Bauke de Jong oer E.B. Folkertsma syn antyisemityske tinkwrâld - ek hjir wer wurdt de bringer fan it boadskip diskwalifisearre, opdat de ikoanen fan Fryslân mar net ynstoarte en dêrmei har eigen hâldfêst. Sa sydlings lykwols distansjearret Nauta him wol fan Bauke de Jong syn fisy op Folkertsma. Yn ‘Zuivering van eigen nest’ en ‘Geen gekonkel, wel contact’ (1967), spylje de fúzjeplannen fan de literêre tydskriften De Tsjerne, quatrebras en Asyl op. Nauta is glêd foar dy fúzje, en lang om let is de Tsjerneredaksje oerstaach gongen, mar dan grypt it bestjoer fan de subsidiearjende stichting Je Maintiendrai yn en kitst de fúzje dochs noch ôf. It die bliken dat de ûnôfhinklikheid fan de redaksje fan De Tsjerne net folle om hakken hie. En ek dat mei net sein wurde, sa as Tamminga en Schurer harren besykjen dizze ferfelende skiednis ûnder it taffelskleed te skowen sjen lit.

Hybride bern

As Nauta it hat oer it politike karakter fan de literatuer, dan hat er it net oer polityk dy't ferwiist nei programma's, eksplisite fisy's en opfettingen fan politike partijen, mar doelt er op maatskiplike ferhâldingen yn it algemien. Dan hat er it oer de relaasjes tusken persoanen, groepen en ynstituten, en oer de wize wêrop dy relaasjes belibbe, oantsjut, stipe en oanfallen wurde. Yn dy romme opfetting fan polityk is de literatuer ien fan de betsjuttingjouwers, en dêrmei in politike faktor. Net ien mei altiten itselde gewicht, dat ferskilt fan plak ta plak en fan perioade ta perioade. Nauta syn Frysk skriuwerskip foel yn in perioade dat de literatuer in relatyf grut belang by it ferwurdzjen fan maatskippijkrityk hie. Hy hat tsjûge west fan de polityk konfliktueuze tastân, dy't wy sa maklik ôfdogge mei de term ‘de sechtiger jierren’. De situaasje doe wie sa konfliktueus, krekt omdat it belibjen fan de sosjale ferhâldingen sterk ôfwykte fan de foarstelling derfan. Dat wie oanlieding foar fûle krityk. Sa ferheftich wie dy dat dy ek trochwurke yn de politike arena sels en feroaringen ta gefolgen hân hat yn de politike kultuer yn ingere sin. It probleem fan de Fryske literatuer fan de sechtiger jierren wie kompleks: de emansipaasje fan de Fryske taal en de brûkers dêrfan wurde ek troch polityk woltinkende minsken ferdigene, mar dy koenen har mar min foarstelle dat de Fryske literatuer en taal har hanthavenje soene yn in moderne, iepen maatskippij. Foar it fuortbestean fan de Fryske taal en literatuer - en har emansipaasje - wie nei alle gedachten ek it fuortbestean fan in bepaalde mienskip noadich. Dêrom wie foar harren de feroaring dy't jonge skriuwers en keunstners brochten en dêr't de jongerein mei fuortrûn, foar har sa bedriigjend. ‘En sa wie har posysje troch en troch paradoksaal: hja woene literêr ynternasjonaal wêze en de Fryske “Heimatliteratur” efter har litte en tagelyk oan de tradisjonele idee fan de Fryske mienskip fêsthâlde’, skriuwt Nauta yn syn ynlieding (15). Hoewol Nauta syn observaasjes fan no oer in stikje Fryske literatuer en kultuer fan doe nijsgjirrich binne, befrediget syn ferklearring fan it ferskynsel my net hielendal. Om dat lykwols hjir út te wurkjen soe it ramt fan it besprek te bûten gean, dat dat moat dus noch eefkes wachtsje.

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 63

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (3)

In Avéro-toer fan 113 meter heech krekt bûten de stedsgrêft en ien foar de Fryslân Bank fan fyftich meter der krekt binnen, komt dat wol goed? Jawis wol, sei tuorrebouwer Abe Bonnema op in sprekbeurt foar de Friese Bouwkring: Als er bijzondere dingen gebeuren, krijg je altijd emoties. Ik vind het geweldig. In Leeuwarden kon nooit wat, maar nu is de stad echt met iets bezig. Laat het een keer fout gaan, dat is niet erg. Als een stad niet beweegt, gaat-ie dood. Niet zeuren! (LC 30/11/99)

In dit citaat staat natuurlijk evidente onzin, zoals: ‘In Leeuwarden kon nooit wat, maar nu is de stad echt met iets bezig.’ Zo'n uitspraak kan alleen maar gedaan worden door iemand die de ontwikkelingen van Leeuwarden de afgelopen tien jaar niet heeft gevolgd. In de recente geschiedenis was in Leeuwarden heel wat mogelijk en is er veel gerealiseerd. Dit ter verdediging van een stad waar juist veel ontwikkeling is. Maar beschouw mij niet als een opponent van het citaat van Abe Bonnema. Verreweg de belangrijkste uitspraak vind ik: ‘Laat het een keer fout gaan, dat is niet erg. Als een stad niet beweegt, gaat-ie dood. Niet zeuren!’ Abe, geef me de hand, jij bent mijn man. Het actiecomité Slappe Knieën heeft een affiche verspreid waarop een aantal zeer interessante bouwsels staat. Voor hen is dat blijkbaar een schrikbeeld en dient het affiche een afschrikwekkende werking te hebben. Toen ik het voor de eerste keer zag hangen, dacht ik eerlijk gezegd dat het was gemaakt door voorstanders van hoogbouw in Leeuwarden. Een stad met dergelijke bouwsels, als we dat eens zouden kunnen realiseren. Prachtig! Laat duidelijk zijn: aan de oude binnenstad mag niemand komen. Maar de stad daar omheen? Laat die stad vooral bewegen. Het mooie van Friesland is dat het tal van museumsteden heeft, steden die inmiddels zijn geconserveerd. Laat tenminste één stad - de enige echte stad van Friesland - in beweging blijven. Laat één stad experimenteren, ambities hebben, vormen aannemen die gericht zijn

Trotwaer. Jaargang 32 64 op de toekomst, op de vaart der volken. Lijkt mij voor die museumsteden, waarvan de inwoners vaak in Leeuwarden werken, ook niet slecht.

Gerard Tonen (skouboarchdirekteur)

Us Abe

Der binne in pear oerienkomsten tusken Abe Bonnema en de (ferstoarne) Amerikaanske arsjitekt Frank Lloyd Wright. Dy sei oer himsels dat er de grutste arsjitekt fan 'e wrâld wie. FLW wie in sjarmeur, spile piano, wie ûnútsteanber arrogant en tagelyk in sjeny. Arrogant is Bonnema seker, piano spylje kin er ek. Boppedat is Bonnema in tige kundich arsjitekt, dy't bysûndere gebouwen op syn namme stean hat. Wat Ljouwert oanbelanget kleit Bonnema al sûnt jier en dei oer de minne kânsen dy't de stêd him jout. Underwilens hat er wol de Willemskade oan beide kanten sawat folboud. Allinne: mear as de helte dêrfan wol de âld baas net meitelle foar syn ‘oeuvre’, om't dy bousels net foldogge oan it dogma fan ‘funksjonalisme’, de konstruksje dêr't Bonnema - achterôf - in teoretysk kader mei jaan wol oan syn (selektearre) wurk. Mar wat te tinken fan ‘dis-funsjonalistyske’ winkeldochters as de Klanderij, Friesland Bank-assurantiën, it ferskriklike wengebou Willemskade-west en de (yn 'e binnenstêd) noch ferskrikliker passaazje oan de St. Jakobsstrjitte? It mjitten mei twa maten, dêr is de fakman Bonnema wier in master yn. Nim ek syn hâlding foar de wolstânskommisje Hûs & Hiem oer: paaie en skoppe tagelyk. By de behanneling fan de Achmea-toer kaam hear Bonnema net nei it buro yn Ljouwert, mar waard de kommisje ûntbean yn Villa Nova te Hurdegaryp. In soarte fan audysje. De kening liet syn ljocht skine. Dochs wiene der noch kommisjeleden dy't net omlyk woenen. Der kaam krityk, somtiden ridlik skerp. Net folle letter mocht Bonnema yn de Ljouwerter Krante wite en swarte platen foar syn tuorren oanpriizgje. Fan Hûs & Hiem soe er gjin lêst ha, want ‘de welstandscommissie durft alleen de mindere goden aan te pakken’. Is 't net prachtich? Hear Bonnema dy't him net skammet foar de rol fan swetser en de LC-sjoernaliste, dy't as ‘her master's voice’, dit soppige nijs delskriuwt. Wêr bringt ús dit skotskrift? It bringt ús, leau it of net, werom nei de fraachstelling: is de opiny fan de hear Bonnema fan belang foar de stêd Ljouwert? Nee, dat net. Bonnema bekroadet him net om dizze stêd; hy is allinne dwaande mei de konstruksje fan syn imago: Ik - de funksjonalist; Ik - de toparsjitekt. As Bonnema yn Ljouwert ‘beweging’ waarnimt, sjocht er kânsen foar himsels. Kânsen om fierder te bouwen oan dat grutte persoanlike stânbyld. Is Bonnema dêrmei in minne arsjitekt? Fansels net. Hy is ien fan de bêsten. Mar wol in slûchslimme prater. Mear opportunisme as funksjonalisme, soe 'k tinke. En like eigenwiis as Frank Lloyd Wright.

Rein Hofstra (argitekt)

Trotwaer. Jaargang 32 65

Nei bûten ta, de grinzen oer Eeltsje Hettinga

1.

De Fedde Schurerpriis foar de Akten fan winter! Ik bin der bliid mei. De priis is foar my dochs wol in befêstiging fan de eigen wegen, dy't ik de lêste jierren gien bin. It oergrutte part fan de gedichten is yn Fryslân makke en letteroan yn Amearika behoffene. Sûnder de stimulearjende brieven fan û.o. Douwe Tamminga en Philippus Breuker hie it der, wol 'k leauwe, noait fan kaam. De geografyske ôfstân ta Fryslân hat oant op in sekere hichte ek in betingst west om dizze bondel klear krije te kinnen. It hat in hiel skoft duorre... dizze earstling! It hie fansels earder kinnen, mar ik woe net. De betingsten/kritearia foar dizze earste bondel haw ik jierren oanien ôfgryslik heech opskroefd; nea net wie it goed genôch. Yn it gedicht ‘Swijend, in trappist’ haw ik yn dat ferbân skreaun: Ik besocht de leechte te tichtsjen mei fersen dy't te swak gjin antwurd skikten op har hinnegean, geskriften dy't ik de wyn meijoech want heine noch fiere koe it Wurd it wêzen fan de dea, myn ûneinich tekoart. Mear as ien kear bin ik mei de ‘bakkerij’ ophâlden. Noch heucht my de snein, doe't ik, thús op 'e pleats yn Burchwert, alle oant dan ta skreaune gedichten yn 'e brân stuts. Schluss! Lykwols, alle kearen weroan bin ik as hear Sisyfus op 'e nij begûn. Oft ik in twadde bondel by de berch oprôlje kin, ik wit it net.

2.

Ik soe hjir it ien en oar sizze kinne oer de poëzij, mar wat deroer te sizzen, as it wêzen fan poëzij him per definysje net sizze lit? Ik haw it withoefaak besocht - Sânris yn 'e ivichheid rûnom, om in rigel fan Douwe Tamminga oan te heljen - mar as ik in antwurd op dy fraach jaan moat, nee, dan komt der altiten wer in baas, grutte tsjusternis oer my hinne. By wize fan kompensaasje soe ik wat ljocht smite kinne op de foarm, de styl, de technyk, ensfh., mar dan kinne Jimme, leau ik, dochs mar better telâne by Vestdijk of Wadman. Nei aard en wêzen is de poëzij like tsjuster as de Tiid, de werklikheid. Beide binne net foar ien útlis fetber. De tiid dat wy noch sliepten as in roas op in krâns fan gebed, burgen yn in boeretiid op God's tsjil, sa't in rigel yn it fers ‘Nacht oer Greonterp’ seit, dy tiid is foarby. Wy binne de wrâld ynlutsen en foargoed ‘ontheemd’, om der ris sa'n smoarch wurd om te sizzen. De tiid draacht tûzen en ien gesichten. Yn dat doalhof, dat lykas de poëzij gjin útgong ken, is it yn it foarste plak de taal dy't de werklikheid problematysk makket. Altiten wer is der de ôfstân ta de Oare en de Dingen om ús hinne. Gjin wurd ofit docht de macht fan stilte tekoart, om noch mar ris in kear út ‘Nacht oer Greonterp’ te sitearjen. Guon dichters hawwe dêr de konsekwinsje ut lutsen troch te ferdwinen yn aloan ûnbegrypliker taaleksperiminten. Oaren leinen de pinne del en diene der fierders it swijen ta. In lêste kategory lykas Cesare Pavese en Ingeborg Bachmann namen it tekoart sa letterlik dat se harsels èk tekoart diene. In oplossing? Ik wit it net.

Trotwaer. Jaargang 32 De driuw en it ferlangen om troch taal gear te fallen mei wat bestiet en bestien hat, is en bliuwt fansels in yllúzje. Dochs hâld ik driftich oan dat ferlangen fêst. Fan datoangeande is it skriuwen fan poëzij foar my ek in foarm fan ferset tsjin in allegeduerigen op 'e loer lizzende

Trotwaer. Jaargang 32 66 sinleazens. In skoftlang haw ik it besocht en skriuw dêrom - letterlik - ûn-sin. Klanken, oerklanken en oare oergjalpen. Mar dat rûn út op in poëzij, dy't sa ûnbegryplik wie, dat it op gjin inkelde wize mear beäntwurde oan it kritearium fan in beskate fersteanberens.

3.

Ik haw min ofte mear al sein dat ik mear tosken yn 'e mûle haw as taal, as it om de boarnen fan 'e poëzij giet. Dochs kin ik it net litte en helje yn dit ferbân in rigel oan út it gedicht ‘P.S.’, dêr't de hillige Jan fan 't Krús yn sitearre wurdt: De nacht [lês: de poëzije] is tsjuster en ferljochtet de nacht. In paradoksale, mystike sin, dêr't ik dit fan sizze woe: Ik skep taal en taal skept my. In wûnderlik soart befruchtingsproses, of sa't Josef Brodsky it ea sei: O, hoefolle ljocht wurdt der nachts wol net berne, litsto de inket mei it dûnker gearstrjemme. It moaie fan it meitsjen - it skriuwen - is no ienkear dat it bytiden in lading yn him hat dy't net wêzentlik ferskilt fan de koïtus. Ko-itus! Ja, Achterberg sei it al: De dichter is in Ko, it dier dat alle kearen as it wer oan it foerstek fan de poëzij stiet, ropt en balt fan: ‘O, do, Ko... Ko! Itus!’ Mar dat tusken heakjes. Skriuwen makket jin bytiden in bytsje sljocht. Mar der binne ek de mominten dat men fan opteinens, sis mar, healwei bûten sinnen rekket. Poëzij as in foarm fan ekstaze? Ja! Ien fan de betingsten om jinsels ta dy hichten te bringen, is de hertstocht. Sûnder passy gjin poëzij, al freegje ik my bytiden wolris ôf: Hear Hettinga, hoe fier gean Jo dêrmei? De obsessy foar taal hat sa ek syn destruktive kanten. It hat mei om 'e poëzij west dat ik dingen stikken makke haw; minsken dy't ik leaf hie en dy't my leaf hiene, haw ik oan 'e kant reage. Dan slacht wolris de twivel ta. Want wie it dat allegearre wol wurdich?

4.

De Taal! Mei it Frysk haw ik yn it foarste plak in suver estetyske ferhâlding. Neist de gefoelsmjittige bining mei de taal sels is it de rykdom en skientme fan it Frysk dy't der foar soargje dat ik net op it Nederlânsk of Ingelsk oergean. Dochs kom ik der net ûnderút en stel mysels de âlde klassike fraach wat winliken de maatskiplike posysje fan de skriuwer is. It idee dat de keunstner de maatskippij feroarje kin, haw ik al skoften lyn farre litten. It iennige dat ik ta myn gading haw is de macht fan it Byld, it Lok fan it sjen en it skôgjen. De poëzij dy't dêr mei mank is, is oan 'e iene kant it risseltaat fan in krityske refleksje op wat oaren, earder foar ús, út 'e wei setten hawwe, en oan 'e oare kant in krityske ferwurking fan de eigen tiid. De man nei wa't dizze priis ferneamd is, wie part fan de Fryske Beweging; as dichter brocht er ek fersen nei foaren dy't yn tsjinst stiene fan dyselde Beweging. De Ferbining is lokkigernôch allang ferbrutsen. Mar as men sjocht hoe hurd de macht

Trotwaer. Jaargang 32 en de status fan it Frysk ôftakje, dan soe men de fraach stelle wolle: De Fryske skriuwer, soed er net wer ris wat mear ‘Bewege’ moatte? Lit ik my yn dizzen as sjoernalist beheine ta it hurd efterút buorkjende gebrûk fan it Frysk yn de media, en dan yn 't bysûnder it skreaune Frysk. De kranten moatte konkurrearje tsjin grutmachten as De Telegraaf en it Ynternet. Dogge se dat net, dan wurde se hjoed of moarn opfretten. In terjochte eangst, mar ientsje dy't wol fangefolgen hat dat it Frysk hieltiten minder oan 'e bak komt. De yn it Hollânsk stelde oankundiging fan 'e Fedde Schurerpriis yn de Fryske deiblêden is in lyts, mar tagelyk ek in symptomatysk foarbyld fan de Grutte Treurichheid. Schurer, hy soe him as âld-haadredakteur fan de Friese Koerier yn syn grêf omdraaie, as er gewaar waard hoe't syn erfenis stadichwei yn 't fersmoarkjen rekke is.

Trotwaer. Jaargang 32 67

Debutant Eeltsje Hettinga mei de oarkonde fan de Fedde Schurerpriis; rjochts deputearre Bertus Mulder; op 'e eftergrûn Jabik Veenbaas, winner fan de oersetterpriis, en syn frou Christa Brinkhuis (foto LC/argyf FLMD)

5.

Wa't in minderheidstaal oan de frije merke oerlit, jout him oer oan in rare foarm fan kannibalisme. De etter fan it frije-merktinken, sa't dat yn 'e jierren njoggentich op 'e Fryske media loslitten is, is troch guon Fryske kultuerpolitisy ferkocht as wûnderoalje. Kwaliteitstydskriften as Frysk en Frij waard min ofte mear hjitten om harsels te bedrippen. It risseltaat? De Grutte Kealslach. Neffens de allang ferrinnewearre gedachte dat ‘het volk kan opgevoed’, moast de basis fan it Frysk ferbrede wurde. Kwantiteit waard foaropsteld. It wie dizze kultuer-polityk dy't risseltearre yn leechdrompelige stikken

Trotwaer. Jaargang 32 68 foar it gemene folk, Fryske pulp. Underwilens ferspriedt it hurd ôftakjende ferskaat oan Fryske publikaasjemooglikheden - snúf, snúf - in frjemde lyklucht. Bytiden tink ik wolris dat de geast fan it Lyts Frysk Deadeboek fan Jan Wybenga silger noch nea sa libben en ynkringend oanwêzich west hat as hjoed de dei. Hawar, moat men de frije merk dan mar radikaal ôfwize? Nee. Ik soe wolle dat de oerheid mear prikken yn it wurk stelde om yn oparbeidzjen mei it Fryske bedriuwslibben in romte te skeppen wêryn't it Frysk mear lucht kriget as yn it klimaat wêryn't it no funksjonearret. Giet it spesifyk om de Fryske literêre blêden, dan soe ik sizze wolle: Literatuer is bytiden - letterlik - in eigen-wize, en sa út en troch, ek in elitêre oangelegenheid. Yn myn eagen heart dêr ek in kwaliteitstydskrift by, bygl. mei in redaksje dy't de regio fierder de grinzen oer skopt1. Sa'n blêd sil gjin steat meitsje kinne op grutte kloften abonnees, mar dat mei gjin behindering wêze. Nee, om koart te kriemen: In kultuer dy't himsels serieus nimt, soarget derfoar dat se in breed ferskaat oan media hat c.q. oerein hâldt. Dat dêr jild by moat, is dúdlik. De pekunia sil fan 'e oerheid komme moatte. As de provinsje dat jild net hat, dan leit der de útdaging, foar safier't it gjin plicht is, om yn oparbeidzjen mei it bedriuwslibben de Fryske taal, mear ‘bek’ te jaan.

6.

As lêste. Oft dizze priis foar my in oantrún of in drompel wurde sil by it meitsjen fan in nije bondel, de tiid sil 't útwize. Nochris, ik bin der bliid mei. Dochs wol ik der oan tafoegje dat ik yn it generaal in wat skalk each haw op dizze fear-yn-'e-broek stekkerij, al wie it mar fanwegen it feit dat ik leaver net yn it fêstbûsje fan de Oerheid sit. Oerheden heart men per definysje te wantrouwen. De Fedde Schurerpriis is in aardige opkiteling. In earstling is moai, mar arrivee binne wy fansels nea. De bêste arrivee is, tinkt my, noch altiten hy dy't noflik ûnder de seadden leit.

(Justjes ynkoarte tekst fan de taspraak, holden by de útrikking fan de Fedde Schurerpriis op it Provinsjehûs te Ljouwert, 21 oktober 1999).

Eindnoten:

1 Dan giet it yn it bysûnder om bygl. it bewegen oer 'e grinzen hinne of - en lit my efkes by de literêre blêden bliuwe - om it idee en helje bygl. mear ynternasjonale kontakten oan, ûnder it biedwurd: Utwikseling jout útaseming, wikselwurking ensfh. Dat is in útgongspunt dat in mooglikheid biedt en lit bygl. sjen dat it Frysk as literêre taal hiel goed meikomme kin op ynternasjonaal nivo (Tr. Riemersma, Tsj. Hettinga, J. Wybenga, D. Tamminga, O. Postma om der is in pear te neamen). Yn dat ramt hat de útjefte fan de Spiegel van de Friese poëzie yn 1994 by Meulenhoff in trochbraak west. Dêr moat op fuortborduerd wurde. Under oaren troch oersettings, de dialooch

Trotwaer. Jaargang 32 mei keunstners ut oare kultueren ensafuorthinne, kin der hiel wat ut 'e wei set wurde. Wêrom net in redakteur fan in Spaansktalich, Amerikaansk of Hollânsk blêd in healjier yn 'e redaksje fan in (nij) literêr blêd te setten, wylst de Fryske redakteur de post waarnimt yn Spanje, de States of Nederlân? De hjoeddeiske kommunikaasjemiddels meitsje it fan datoangeande hiel maklik. Koartsein, nei bûten ta, de grinzen oer, bewege/moofe.

Trotwaer. Jaargang 32 69

Lof fan it oersetten Jabik Veenbaas

Oersette, dat is de mûnts dy't op syn keamer sit, efter it blauwe finster mei de wite letters. De keamer, dat is syn kleastersel, mar syn bea is ierdsk, syn wurk komt út 'e ierde en giet nei de ierde ta: alle boeken binne fergonklik. Oersette is tsjinje. It is jo eigen ik op it twadde plan sette, it is sykje om de oar, it is harkje, nei bedoelingen freegje, it is iepenstean, it is alles begripe wolle. Oersette is ek antwurdzje. It is it eigen ik krêftich ynskeakelje, it is in petear, it is sizze: dus, do bedoelst dat, dus dat wolst útdrukke, dat is de djippere sin fan dyn wurden. Poëzij oersette, dat is wrakselje. It is sykje om in rym dat natuerlik oandocht, nei in sin dy't soepel falt, nei in wurd dêr't alle lagen en boppetoanen yn weromkomme. It is sykje om in lykwicht, in balâns. As ik dit wurdsje út dy rigel weihelje kin ik it in rigel earder miskien kwyt. As ik de alliteraasje yn dizze wurden ferlies, kin ik him yn dy wurden weromwinne. It is ek it feest fan de ynfallen. Fan de dingen dy't op har plak bedarje, de dingen dy't dy ynienen yn 't sin komme, soms op in ûnmooglike tiid, wurdst midden yn 'e nacht wekker en dan witst it ynienen. Dan der dochs mar efkes ut om in notysje te meitsjen. Stel je foar datst it moarn fergetten bist. Oersette, dat is: yn de kultuer stean. It is: bydrage oan it erfskip, it is wurk tagonklik meitsje foar minsken, doarren iepensette dy't earder sletten wiene. Oersette nei it Frysk, dat is: dûnsje op it sloppe koard. It is: in frjemde kaart mei grutte wite plakken, it is ideeën by de rûs hawwe, mar dan freegje: wêr komt it jild wei, hoefolle ferlet sil der fan dizze útjefte wêze, hoefolle minsken sille it keapje. Oersette nei it Frysk, dat is: in died stelle, it is sichtber bydrage, dochst it net foar neat. It is ek: dysels fragen stelle: wêr dochst it foar, foar mear as in hantsjefol Fryske yntellektuelen? It is dysels fersette: it is it mier hawwe oan de wet fan it grutte getal, oan de taal fan de macht, it is it ûn- en minmachtige dat syn wearde hat. Oersette út it Frysk, dat is: mei in protte ynset faak in bytsje berikke, it is potsjes oanboarje, útjouwers oertsjûgje dy't leaver út it Ingels oersette, it is foaroardielen moetsje, it is: reëel wêze, net al te folle ferwachtsje. It is ek de eare oan dysels hâlde, it is grutsk wêze, net altyd bûge as in knipmes. In Frysk boek is net allinne mar weardefol as it ek yn it Nederlânsk ferskynt, lit ús dat net ferjitte. Poëzij oersette, dat is: witte datst in reëel maksimum berikt hast, datst der alles úthelle hast wat dy mooglik is. It is: bekritisearre wurde: op elke poëzij-oersetting is krityk mooglik, it is altyd in kwestje fan foarriedich, want oer tsien jier sil der ien komme dy't it oars docht as dy, better miskien. It is soms ek wurdearring krije, en hjoed is it sels in priis winne. Mar in priis moat gjin stoel wêze om op te sitten, it moat in hynder wêze dêrst nije fierten op yn 'e mjitte fjouwerest. Yn novimber ferskynt in kar út it wurk fan Tamminga by Utjouwerij Frysk en Frij, mei Nederlânske oersettingen fan myn hân. En der binne noch mear plannen, dy't hooplik realisearre wurde kinne. Poëzij oersette, dat is foar my benammen: fan moaie dingen moaie dingen meitsje. Graach wol ik jim in part foarlêze fan myn Fryske werjefte fan ‘The lovesong of J. Alfred

Trotwaer. Jaargang 32 70

Prufrock’, skreaun troch de Ingelske dichter T.S. Eliot. Dat fers ferskynde noch net earder yn Fryske oersetting: It leafdesliet fan J. Alfred Prufrock

Lit ús gean dan, do en ikke, Want de jûn sil langút oer de himel rikke As in pasjint ûnder narkoaze op 'e tafel; Lit ús gean, troch al dy heal-ferlitten strjitten, De preuveljende sitten Fan sút'rige hotels foar ien nacht keamerhier En oester-restaurants mei seachmoal oer de flier: Strjitten dy't rinne as in eindeleas gebekfjocht Ferriederlik optocht Om dy te lieden nei in oerweldigjend fersyk... O, freegje net: ‘Wat is it dan?’ Lit ús gean en de besite dwaan.

Dêrmei haw ik jim ûnthelle op in typyske oersetterstraktaasje. In oar oan it wurd litte, mar yntusken sels prate. Ik tankje jim tige foar jim oandacht.

(Justjes ynkoarte tekst fan it tankwurd, utprutsen by de útrikkingfan de Obe Postmapriis op it Provinsjehûs te Ljouwert, 21 oktober 1999.)

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (4)

Loftkastielen

Yn it sintrum fan Amsterdam mei net heger boud wurde as de Westertoren. Amsterdam is in prachtige stêd. Yn Washington meie de gebouwen net útstekke boppe it Capitool. Washington is in prachtige stêd. Yn in part fan New York komt de sinne net. Doe't it gemeentebestjoer dêr efter kaam, hat it regels makke om soks tenei foar te kommen. Te let: New York is in fassinearjende stêd foar in flitsfakânsje of as jo genôch jild hawwe foar in moai heech appartemint. Wa't yn Rotterdam lâns it sigerige Weena nei it sintraal stasjon rint, lit Abe Bonnema noait wer in toer bouwe tichte by it sintrum fan in stêd. Soe men ferwachtsje. Mar dan ha se bûten Ljouwert rekkene; fan hokker kant jo de stêd ek ynkomme, jo komme foar de winige toer. It duorret net lang mear, dan hat Ljouwert ek syn earste loftbrêge nei it winkelsintrum, om't it ûnder op 'e dyk tusken dy tuorren lang net feilich is. Lis dan mar ris út wêrom't der destiids gjin loftbrechje oer de Turfmerk komme mocht. Johanneke Liemburg

Trotwaer. Jaargang 32 71

It foartidich ferstjerren fan Jabik Jorna Greet Andringa

It gong de ferkearde kant op mei Jabik doe't him ferteld waard dat er Talint hie. Foar dy tiid hie it in hiele gewoane jonge west. Krekt as syn jongere suster wied er thús berne. Yn it dykshúske yn Halswert. Yn in Griene Krúsbêd dat heit en mem foar de gelegenheid hierd hiene. Yn syn jongesjierren bedoar er wol gauris in pear nije klean mei it fierljeppen. Fansels hied er dan wol ris in blau plak fan dêr't heit him sloech, mar fierder wie der net in soad oer te fertellen. O ja, hy koe ek wol aardich leare, dat hy gong nei it hafû yn 'e stêd doe't er de doarpsskoalle efter de rêch hie.

Wat dat no krekt foar tekening wie dy't er yn 'e tredde klasse makke hie, wist er nei ferrin fan tiid sels net mear. De sûch hie him foar de grutte fakânsje net mei nei hûs nommen en doe't er werom kaam nei in pear moanne fakken folle by de Spar, wied er der net mear. (Wat Jabik net wist wie dat syn tsjerketoer fan Halswert earne boppe in winteltrep hong, yn in moaie list. In âld-learaar liet der yn de lette jûnsoeren noch wolris in lodderich each oer glydzje, as er seach troch in grut glês whisky. De kleuren kamen sa noch better út en it joech ûnderwyls syn weromtinken oan 'e tiid doe't er noch wat te betsjutten hie, in gouden rântsje.) It bliuwt fansels ek de fraach oft de dosint tekenjen wier wat oer talint sein hat. Jabik hie in njoggen foar de tekening krigen, mar dat koe ek tafal wêze, fansels. En luts er yn dy tiid net in hiel soad mei Tseard op, mem har jongste broer dy't as yllustrator wurke by it koekjesfabryk? Soed er net wat help hân hawwe? Hoe't dat ek wêze mei: Jabik hie him yn 'e holle setten dat er Talint hie.

Eins duorre it noch in hiel skoft foardat oare minsken wat begûnen te merken fan dat Talint. It like der sels op dat er ferstannich wêze soe en draai syn ideeën de nekke om. Hy keas gjin tekenjen yn syn eksamenpakket. Nei it hafû gong er nei de mts. Hy fielde him dochs it meast thús as er wat mei de hannen dwaan koe, sei heit. ‘Dat hie ik altyd al tocht’, sei de grienteboer. De molkboer kloppe him op it skouder. En nimmen seach dat Jabik syn fûsten wyt kniep. In pear jier letter wied er elektromonteur. It kaam moai út dat de fytsemakker en ynstallateur yn it doarp krekt yn dy tiid ferstoar, dat Jabik koe

Trotwaer. Jaargang 32 72 daliks oan 'e slach. Hy krige in aardich lean fan de widdo fan de fytsemakker. Mear as heit ut 'e steun krige yn elts gefal en dêrom wie Jabik jûns ek net langer wolkom tusken de brommers en de trekkers dêr't er jierrenlang tegearre mei heit oan pield hie. Mem tocht dat as hy sa trochwurke de saak nei in jier as wat wol oernimme koe. Dat alles gie dat it slydjage.

Jabik syn suster woe nei Grins ta. Heit en mem seagen it nut dêr net fan yn, mar nei in soad gesanger en getsier krige se it dochs klear: Jabik bleau ommers thús wenjen en mei syn bydrage oan de húshâlding koe sy dochs moai fuort? Hy wie ek noch bliid dat er har stypje koe. It wie per slot in aardich fanke. Hy krige der allinnich net bot hichte fan wat se dêr no krekt bestudearre. Manlju, yn elts gefal. Se kaam hast elk healjier thús mei in oare fint mei sêfte hantsjes: In dokter yn oprjochting of in tredde generaasje advokaat dy't noch krekt net út it aai kaam. Mem klapte yn har hannen as der wer in nijen troch de keukensdoar ynskode, steefêst mei in bosk roazen yn 'e hân. Dy blommen hiene fansels neat te krijen mei it fatsoen fan sa'n jongkeardel. It wie syn suster dy't it krekt op tiid yn it sin skeat as se it benzinestasjon by Paulusgea foarby rieden, mar mem die krekt as hie se dat net yn 'e gaten. Se skille yn elts gefal daliks it sjongen ôf. Heit gong sa gau er de kâns krige mei in fleske bier nei it hok. Jabik seach nei syn swarte wurkklean en tocht sines derfan. Hy hold net fan it maartske gemjek fan syn suster. It wie gjin gehoar as se Hollânsk prate. It wie wol fjouwer toanen heger as gewoanwei.

Dochs wie it op sa'n jûn, dat er nei it iten, doe't de frjemde jongfint wer ris it grutste stik fleis opiet, nei syn souderkeamer gong en syn tekendoaze ûnder it stof wei fandele. Sneontemiddei oan 'e itenstafel by de widdo seid er dat hy middeis frij nimme soe. Hy moast nei de stêd om wat fan dy koppelingsstikken op te heljen, se wist wol hokker. De widdo knikte en romme de tafel ôf. Jabik helle syn koppelingstikken, mar ek in hânfol túbkes. Hy doarde it potlead sawat net op it papier delkomme te litten. Hy hie in frjemde knoop yn syn mage, dy't der pas út woe nei't er in fleske bier op hie en de earste linen op it as snie sa wite flak stiene. Nei in kertier hied er troch dat it der net op passe soe. Hy lime fjouwer stikken oan inoar en prippe de grutte lape papier mei punêzes oan 'e wand. Ja, dit wie better. De linen waarden wisser en breder. Hy hie de romte om te dwaan wat er woe. Nei in heal oere rûn er de trep ôf om noch in pilske út 'e kelder te heljen, foardat er de earste kleur der op smarre soe. Hy kaam mem tsjin yn 'e gong. ‘Oer in kertier ite,’ sei se. Jabik knikte fan ja mar hie

Trotwaer. Jaargang 32 73 de holle der net by. Hy sykhelle djip. Smiet it finster wiid iepen en it wie krekt as rûkte er it foarjier no pas. Sa wie mem de earste dy't wat fan Jabik syn ambysjes murk. Se stie ûnder oan de trep te roppen, ‘Ite!’, mar hy kaam net. Hy kaam pas doe't sy boppe kaam. Syn Wurk hong oan 'e muorre efter de doar. Se seach der neat fan, mar se makke der wol in grut gat yn mei de doarskruk. Jabik flokte sacht en soarge derfoar dat der in pear dagen letter in slot op 'e doar siet. Hy sei ek dat mem syn keamer net langer op hoegde te rêden. Se seach suver wat misledige.

Hieltyd minder seagen heit en mem Jabik. Moarns kaam er de trep ôf, griep yn it foarby gean in pear stikken bôle, naam in slok molke út 'e flesse en ferdwûn. Jûns skrokke der syn panne leech en fuort wied er wer. Hy sei hast neat mear. Hy wie no in kop grutter as heit en gâns wat mear mânsk, dat dy tocht der net mear oan om him in klap te ferkeapjen. Al sei mem noch sa faak dat er der wat oan dwaan moast. Ek de widdo fan de fytsemakker begong wat te fernimmen. Jabik hie der earder gjin punt fan makke om in pear oerkes langer om te pielen as er in putsje noch net klear hie. No gong er om fiif oere skerp de doar út. Hy sloech ek wol gauris de kofje oer en naam geregeld in frije middei om nei stêd ta. It nije wie der ek wat ôf, betocht se wat spitich, hy wie grif in aardich fanke tsjinkommen dat fûn dat er wol wat minder lang op al dy koperbuis en kamrêden omstreakje koe en wat mear op har.

It ienige wat Jabik bestreake wiene syn pinsielen en de ezel dy't er kocht hie. Hy koe net ûntkenne dat er wolris oer it betaasten fan in waarm frouljusliif dreamde, en der doeken betiden fertochte rûne foarmen yn syn skilderijen op, mar hy hie it fierstente drok om efter de froulju oan te sitten. Boppedat: wêr fûnen je yn 'e omkriten fan dit ferrekte doarp in aardich frommeske fan boppe de tweintich dat noch net ûnder de pannen wie? Ja syn suster, mar dat wie syn suster. Wat der oerbleau, wie sa ûnsjoch dat er noch leaver in âlde potkachel oankrûpe soe. Hy gnyske wylst er bylden optocht fan op kachelspipen rûnfleanende heksen dy't oer it doarp fleagen om frijfeinten op te swyljen en mei te slepen nei harren tsjustere hoalen. In wynhoas soe harren allegearre de see ynblaze. Rykje fan Minne en Klaske foarop. Se hie him ferline wike sa ko-eftich oansjoen doe't er har bân plakte, dat er har wol foar de kop slaan woe. Der waard op 'e doar kloppe. Hy joech gjin lûd. Mar it hold oan. It wie net it tikjen fan mem har trouring tsjin it hurdboard. Hy draaide de kaai om en liet syn suster der yn. Se hie gjin jongkeardel by har dizze kear. Se hie it ek te drok. Oerlis mei in professor yn Utert. Neitinke oer in baan as dochs

Trotwaer. Jaargang 32 74 mar in promoasjeûndersyk. Hjir as yn it bûtenlân. It foel him ta dat yn de stoarm fan wurden net al syn skilderijen dy't op de flier ferspraat leine, opwaaiden. Syn suster krige al pratend in pear op en waard einlings stil. Jabik fielde wer sa'n knoop yn syn mage. Se knikte stadich mei de holle. En frege doe: ‘Wat bist der mei fan doel?’ Hy hie fansels ek dreamen dy't net oer froulju gongen. Dreamen dêr't syn namme him yn gouden letters yn temjitte glinstere yn 'e stêd. Nee, dat wie in bytsje ordinêr fansels. No ja, syn namme yn 'e Ljouwerter dan. Op 'e keunstside. Syn Talint breed útmjitten en wurden as ‘Stedske alluere’. Hy waard read en grommele dat er nea neitocht oer dat soart fan dingen. Se sei dat se wol ris prate soe mei in freondinne fan har eks. Dy wie galleryhâldster yn Grins en hie miskyn wol in plakje foar him efter yn 'e saak. Dat it efteryn wêze soe, stuts him wat, mar fierders hied er der gjin beswier tsjin.

Hy hearde in hiel skoft neat oer de fiif skilderijen dy't by it frjemde frommes yn Grins wiene. De spanning sakke wat wei en de widdo murk mei tefredenens dat er wer gewoan om kofje kaam. Hy flokte wol wat mear as foarhinne, mar ja, wat woene je ek. Syn heit hie op dat mêd ek noait sa'n fernamen west. Doe't dy noch op knibbels yn it sân lei om de nije strjitten oan 'e sudkant fan Halswert te beklinkerjen, fleagen der betiden ek mâle wurden troch de loft. De skilderijen hiene in plakje krigen healwei it pipelaadsje. Net iens hielendal efteryn dus. Hy koe der in heal jier foar neat hingje, omdat syn suster sa 'n goeie freondinne fan de eigeneresse wie, mar as der wat ferkocht waard krige sy de helte fan de opbringst. Fan him mocht ek sy op in kachelspiip de see yn, mar se tute him op beide wangen. Der bleaunen reade lippestiftstimpels efter.

En doe lei der ynienen in slúf mei in sjek op 'e kokosmatte. Mem wie tige nijsgjirrich, mar hy fertelde har neat. Hy sette it bedrachje op in nije sparrekken en prate deis dernei mei de widdo. Oft se net noch in keamer frij hie en oft se it goed fûn dat er it hok efter yn 'e tún as atelier brûkte. Se soene it wol iens wurde oer it part fan syn lean dat se dêrfoar ynhâlde koe. Syn suster fertsjinne no har eigen sinten, dat dêrom hoegde er ek net mear thús te bliuwen.

Der waarden noch twa fan de oerbleaune fjouwer skilderijen ferkocht. De oare twa kamen wer thús. Spitich fûn er. Sels hie der krekt dizze it moaiste fûn. Hy sette se yn in hoeke en timmere in pear freemkes foar nij Wurk. Hy skildere al lang net allinnich mear op papier.

Trotwaer. Jaargang 32 75

De widdo hie har der al wat op fersjoen. Se hie der op rekkene dat de jûnsoeren wat minder allinnich wêze soene. Se hie der net mei rekkene, dat Jabik al syn frije tiid yn it hok tahâlde soe. Jûns brocht se him dêr syn kofje en hy fûn it goed dat se in heal oerke by him sitten bleau, mar dêrnei waarden syn bewegings hoekich en ûnrêstich. Se breide dy winter tsien pear geitesokken en wist noch hieltyd fan eltse soapsearje de haadrolspilers te neamen.

It waard noch slimmer doe't Jabik it jier dêrop mei die oan in eksposysje yn 'e stêd oer de rol fan it Alde Testamint foar it hjoeddeiske libben. Syn suster wie op in dei mei in wat âldere man mei in dikke bril by him oan 'e doar kommen. Se hie wat yn syn wurk omreage en in stik of wat skilderijen út de steapels krigen dêr't net dalik oan te sjen wie wat it foarstelde. Hy hearde har in grut ferhaal ôfstekken. Se hie it oer Job as foarbyld foar de minsken fan no. Oer it akseptearjen fan it ûngrypbere. Se hold in plaat omheech dêr't neffens him net folle kristliks oanwie: Hy seach der seefûgels en doarpsheksen yn. De man joech him in hân doe't er mei syn suster en in earm fol skilderijen de doar útrûn. Der hie in aardige resinsje yn it streekblêd stien. Op de tsjerkeside. ‘Oandwaanlik en oprjocht’ stie der. Dat wie yn elts gefal wat. Mem hie it ek lêzen en stjoerde heit nei de winkel om in pear tydskeakelers te heljen en Jabik de prommetaart te bringen dy't se foar him bakt hie. Se koe it net opbringe om der sels hinne te gean en de widdo tsjin te kommen dy't har har jonge ôfpakt hie. Heit fûn it frij wat kwezelich dat syn soan tsjerklike keunst makke, mar gong dochs mar. Hy waard wat langer wat lytser en krûmer.

Doe't de opdrachten foar Wurk net allinnich mear fan syn suster kamen en de bedraggen dy't er fertsjinne grutter waarden, begûn der op 'e nij wat te feroarjen yn Jabik. De minsken yn it doarp klagen oer lekkaazjes. Hy fergeat moeren oan te draaien. It foartsjil fan Rymke Reitsma har fyts makke selsstannich in reis neidat Jabik de bân plakt hie, sadat it âld minsk op 'e dyk foel. Jabik hie hieltyd mear bier noadich woed er de knopen út syn mage strike dy't er dêr hieltyd faker fielde. Doe't de widdo him op in moarntiid kofje brocht, sei se tsjin Jabik dat der wat barre moast. Der moasten dingen oars, oars soe se omsjen nei oar personiel foar de saak. Miskyn moast se dat yn elts gefal mar dwaan, betocht se, wylst se him yn 'e reade eagen seach. Hy hie it te drok. As dy jonge fan Klaas en Sytske it ynstallaasjewurk no die, dan koe Jabik him dwaande hâlde mei syn keunst. Dat er by har wenjen bleau, spruts foar himsels. Sûnt er in sekere bekendheid yn 'e omkriten krige, hie sy gâns wat

Trotwaer. Jaargang 32 76 mear oanrin. Se fleure der hielendal fan op. Jabik wriuwde him oer de mage en naam in fleske bier út it krat dat er ûnder de wurkbank ferstoppe hie. Hy stoarre nei it doek op 'e ezel. Hy hie ûntdekt dat er twa soarten skilderijen makke: streamers, skilderijen dy't him om sa mar te sizzen, út 'e kwasten wei rûgelen, dy't harren spontaan ôfrôlen as jern fan in kleauntsje dêr't de kat mei boartet, en stjoerders. As er mei in streamer dwaande wie, fielde er him lokkich. Hy hie it gefoel dat er wat te betsjutten hie en ien wie mei it lân en de minsken om him hinne. Mar dy ferrekte stjoerders wiene in oare saak. It wie as befrear him de ferve oan it pensiel, as waarden syn tinzen fan beton. As frieten de bylden in gat yn syn mage. It wie fan te foaren net altyd te sizzen wat in goed en wat in minder skilderij wurde soe. Hy hie goeie streamers en goeie stjoerders. En om earlik te wêzen ek wol minder goeie, yn beide soarten. De lêste tiid like it wol as koe der allinnich noch mar stjoerders meitsje. En dan ek noch fan de mindere soart. Miskyn soe it helpe as er him yndie allinnich ta syn keunst bepale koe.

De jonge fan Klaas en Sytske begûn yn 'e saak en wie oangenamer selskip as Jabik, murk de widdo. Se moast betiden sels lûd laitsje as de jonge in grapke makke. Jabik kaam no sawat hielendal net mear út syn hok. En hy fernaam dat er it ienfâldige hânwurk miste. Dat er him bestellen fielde as er foar wer sa'n grut wyt flak stie. Dat er neat leaver woe as in mof yn in elektrisiteitskabel lizze. Syn heit soe tefreden wêze as er dat wist, betocht er en hy smiet grimmitich in reade flek yn 'e leechte. Tocht net oan fûgels as heksen. Fielde him allinnich mar opjage. Net iens omdat syn suster him útskelde as er ien as oar portret net op tiid ôfkrige. Hy wie der no fan oertsjûge dat er in earnstige kwaal oan 'e mage hie. Hy moast opsjitte woed er syn libbenswurk noch op tiid útdrukt krije. Hy naam noch ien om net sa fan benaudens te triljen. It krat stie net mear ûnder de wurkbank. De lege fleskes leinen oeral. Hy brocht se net iens mear werom foar it staasjejild. Doe't it artikel yn 'e Sneon & Snein kaam oer dy fytsemakker út Halswert dy't skilderijen makke fan stedske alluere, koed er der net bliid mei wêze. Syn suster hie it wurd foar him dien. En de dingen dy't der by ôfbylde wiene (yn kleur!) seinen him neat. Se wiene net oprjocht. Se hiene neat fan dwaan mei dy gleone kearn dy't him eartiids oantreaun hie om túbkes te heljen. Oandwaanlik wie it miskyn. Krekt as it gepiel fan heit mei trekkers en de koaren en toanielferienings fan mem. Nachts toarken der frjemde ljochten troch it hok, dêr't er no syn matras lei. De soan fan Klaas en Sytske hie syn keamer krigen, al wied er der sawat wis fan, dat de jonge dêr net sliepte. De widdo waard hieltyd rôzer en

Trotwaer. Jaargang 32 77 glânziger. Jabik hearde fuotstappen om syn hok en hy loek de tekkens oer syn kop. En noch wied er der wis fan dat der mannen yn it swart om him hinne strúnden. Se woene him gripe en yn 'e kiste stopje dy't se tusken harren yn droegen. Hy seach betiden it koperbeslach troch de wol fan de tekkens hinne skimerjen. Hy hearde syn suster boppe it iepen grêf ûnder de wurkbank balten: Hy wie úteinlik mar in Talintleaze Healwizeling, dy't miende dat er wat foarstelle koe yn in Kultureel Fermidden. Hy hearde sjampanjeglêzen klinken en it swit bruts him út doe't er de stimmen fan al dy jongkeardels dêr't se eartiids mei omsloech trochinoar laitsjen hearde. Wol tweintich earpels dûnsen op en del yn Hollânske mannekielen. Se hiene allegear sa'n bosk benzinepompblommen by harren om him efternei te smiten, it tsjustere gat yn. Mei goed wat stikels der oan. Hy jankte as in hûn.

Mem seach ferheard op doe't de widdo by har foar de doar stie. Earst hie se sizze wold dat se har der mar mei rêde moast, mar doe't se hearde hoe beroerd it mei har soan gong, sloech har memmehert in kear as wat oer en wist se net hoe gau't se de jas fan 'e kapstok krije moast. In kertier letter rûnen de froulju tegearre troch it doarp. Tusken harren yn hong noch in figuerke. Hy hie in tekken oer de kop, oars doarde er net nei bûten ta. Hy stonk as in kring. Mem sette him thús op in stoel ûnder de dûs en sjippe syn fermeagere liif yn mei it badskom dat se heit op Sinteklaas jûn hie. Foar it earst sûnt mear as tweintich jier liet se de spûns oer it fel fan har soan glydzje, dat no rûch en koarsterich wie. Hy siet mei in spuibak op 'e knibbels en liet de holle tsjin har oansakje. Har broekrôk waard wiet fan wetter, triennen en snot.

‘En no?’ freegje ik oan syn suster, dy't foar my oer op 'e bank sit. ‘Hy wennet wer thús’, seit se. Mem hat mei de widdo praten. Hy koe wer oan it wurk, al fertsjinnet er no minder en is de soan fan Klaas en Sytske de baas. Heit hat it slot út de doar fan syn keamer helle doe't mem dêr om frege. Jabik slokt alle dagen it piltsje fan 'e dokter dat mem op syn tonge leit. Hy kin no net mear sûpe sûnder sawat te stjerren fan beroerdens. Se leit ek mar ien neist it board fan heit foar de wissichheid. Dat dy it net yn 'e holle krijt en gean oan it bier as de manlju yn it wykein tegearre yn it hok oan brommers en trekkers grieme. Jabik hat gjin knopen mear yn 'e mage. ‘En it skilderjen?’ freegje ik. Se nimt in slok whisky en lûkt in gesicht as hat se krekt yn in apel biten en gluorket har no in dikke wjirm oan út it plak dêr't har tosken sa krekt noch bylâns skraben. Mem brûkt syn ferve no. Foar har nije leafhawwerij: Hylper stipwurk. Se sjongt net mear en spilet ek gjin toaniel mear. Se wol faker thús wêze. Jabik set foar har blêden, klompen en

Trotwaer. Jaargang 32 78 molkbussen yn in griene grûnferve, wylst sy mei nifelige rântsjes en blomkes dwaande is. ‘De kloatsek’, seit syn suster, ‘dreame fan de grutte wrâld, en stroffelje oer de drompel! Ik haw der dochs wier alles oan dien om..., om...’ Neidat se syn jild opsopen hat mei dokters en advokaten. Ik sjoch troch myn glês nei de tsjerketoer boppe de terp en freegje my ôf oft ik ea wol wat betsjutten haw.

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (5)

Foarop sein fyn ik dat Bonnema moaie gebouwen makke hat; it is in arsjitekt dêr't je net omhinne kinne. Mar dat je emoasjes ha bij in hiel hege kolos sa middenyn 'e stêd yn in betreklik leech gebiet, dat begryp ik net. Faaks wurde emoasjes bij keunstwurken omset yn konkrete foarmen. In ûntwerp kin dan emoasjes losmeitsje, mar as je de boel in set besinke litte geane je faaks rasjoneler mei je ûntwerpen om en sjoen de skaal dêr't de toer fan Bonnema komme moat, freegje ik my ôf, is dit echt nedich op dit plak of wol de opdrachtjouwer de grutste en de heechste wêze en yn it sintrum in statussymboal delsette? As ik yn 'e ried sitten hie, hie ik sein: mear nei de bûtenkant fan 'e stêd. Mar dan noch: is it nedich is om gebouwen oer in ôfstân fan fjirtich kilometer sjen te litten? Ik fyn wol dat je nije gebouwen tusken de âlde bebouwing yn sette kinne. Dat kin hiel goed kwa skaal, sfear en yntinsje en winliken is de emoasje dan noch grutter om't der in bettere relaasje ta stân komt. En om de fout yn te gean, hoe lang duorret sa'n fout dan wol net? En dat in stêd net beweecht en deagean sil, hat fansels neat te krijen mei 113 meter hichte of mei in trêde part dêrfan. Der is niks mis mei ús platte lân mei skjinne kimen. Je sjogge no ek al wat dy turbines fan sechstich meter wol net foar ynfloed hawwe. Yn Akkrum sjogge je dat kring yn 't Hearrenfean al stean te opfallen en te meallen. - Net seure, OK, mar wol kritysk bliuwe. Ids Willemsma (byldzjend keunstner)

Trotwaer. Jaargang 32 79

Tegels Meinou P.

Dreamde ik? In âlde muoike dy't noch net sa lang lyn stoarn is, stie nêst myn bêd. Se wie krekt as in nije barbiepop hielendal yn sellofaan ferpakt, dat boppe har kreas griis permanintsje byinoar bûn wie mei linten yn deselde kleuren as har streekjesmantelpak. Rêst Sêft stie op ien dêrfan. ‘Ik moat dy wat sjen litte,’ sei se, ‘rin mar achter my oan’. Ik gong der ôf en foar't ik it wist wienen wy bûten. It like as stie se op in rinnende bân, ik seach har pumps net fan de grûn ôf kommen, mar dochs hie se de gong deryn. ‘Witst wol dat ik dea bin?’ frege se. ‘Jawol’, sei ik, ‘ik haw ommers op muoike har begraffenis west.’ Tagelyk betocht ik dat as it dan al mooglik wie om in petear mei in ferstoarne te hâlden, ik leaver hân hie dat ús mem dêr foar my út gong. Fuort wie muoike. Lilk fansels, om't ik myn oandacht der net by hie. Ik fûn mysels wer werom by it fuottenein fan it bêd, iiskâld. Ik moast nei it húske. Der waaide in izige wyn troch de gong. De foardoar stie iepen.

Doe't ik Zuiderkruis fan Pauline Slot lies, wie ik it hielendal iens mei de frou dy't har broer it leksum lêst, om't er op in kremaasje yn syn rede de ferstoarne streekrjocht oansprekt. ...mijn cynische broer Jan die gevoelvol tegen een stapeltje brandhout en een lijk staat te praten... ropt se. ‘Hoe durf je!’ Se giet sels sa fier dat se him tsjin it ankel skopt. Dat hat er der fan, tocht ik. Minsken dy't advertinsjes yn de krante sette litte yn de rubryk In Memoriam lake ik fjouwerkant út. No is 't al in jier lyn en wy misse dy noch sa... Miene se dat sa'n berjocht de kosmos ynstjoerd wurdt? Sneupe se letter alle paadwizers troch om't se in wurdsje werom ferwachtsje? Bespotlik! Mar ik bin finaal feroare. Ik móat nochris kontakt mei muoike ha. Ik haw op it tsjerkhôf dêr't se begroeven leit te preuveljen stien, ik bin dwaande west mei in mediamike freon om har geast op te roppen en ik sykje wit-ik-wêr nei in e-mailadres foar oer it grêf. In berjochtsje yn De Telegraaf dy't ik om de namme keas mar ek in bytsje om't net ien fan de famylje dy lêst, ...ik soe sa graach wer ris mei jo prate wolle... levere my nettsjinsteande dat allinnich mar in soere opmerking fan myn suster op. Se wist net dat ik sa wiis west hie mei muoike... Ik doar net yn 'e sliep te fallen om't ik har dan faaks net merkbite sil, mar ik wol ek net wekker bliuwe, want dan is myn geast te kritysk. Muoike kin myn dea wol wurde, mar ik moat witte wat se my sjen litte woe!

Trotwaer. Jaargang 32 80

Poeperdepoep dy Meindert kin 't mar moai seeze Henk van der Veer

Meindert Talma, Dammen met ome Hajo. Uitgeverij Passage, Groningen 1999. 150 siden. f 27,50.

Akkoart, de oantsjutting op it kaft dat it hjir giet om in roman is justjes besiden de wierheid. It binne (ramt)ferhalen mei in anekdoatise ynslach. Haadpersoanen binne ome Hajo en syn omkesizzer Meindert Talma. Skreaun yn it Hollâns, mei dialogen yn it Frysk sa't dat yn Surhústerfean en omkriten praten wurdt. It boek spilet him dan ek foar in grut part ôf yn dat doarp yn 'e Fryske Wâlden.

Neffens Piet Gerbrandy, resinsint foar de Volkskrant, bestiet der in tsjinstelling tusken de ‘autonomische’ en ‘anekdotische’ poëzije. De ‘taalautonome’ dichters skeppe in ‘enorme distantie’ tusken har dichterlik taalgebrûk en it sljochtwei Nederlâns. Dy dichters dogge dat omdat it ‘vervreemdend’ wurket en elk automatisme bij it lêzen útskeakelt. De lêzer moat dy poëzije feroverje. De ‘anekdotische’ dichters skriuwe yn in ‘gewone’ taal oer in werkenbere wrâld. Bij dizze lêste groep dichters giet it om de skerpte fan har observaasjes, de kwaliteit fan har ynsichten, de subtiliteit fan har ‘betekenisverschuivingen’, sa wol Gerbrandy ha. Relatearje ik boppesteande oan it proazawurk fan Meindert Talma, dan heart Dammen met ome Hajo sûnder mis ta de anekdoatise skoalle. Wa't swart-wyt tinkt en òf in leafhawwer is fan autonomise literatuer òf in fan fan anekdoatys wurk, sil yn syn/har oardiel oer it debút fan Talma gau út 'e rie wêze: in freeslik boek of in sublym stikje proaza. Ik hear dúdlik bij de lêste kategory en wat ek nochris meispilet yn myn resepsje: de tiidgeast fan de jierren '70 en begjinjierren '80 komt hiel sterk nei foaren yn it boek. En oan dy jierren ha ik moaie oantinkens. It lêzen fan dit boek hat dan ek in lovely sentimental journey foar mij west. Myn werkenning en myn affiniteit mei wat Talma skriuwt binne grut. Dy werkenning set al út ein mei de foto (fan Henk Veenstra) op it omkaft: in okerkleurich kykje fan twa klapstuoltsjes fan de aldertruttichste soarte, ynklusyf fleurich blomkemotyf, út 'e santiger jierren. Soksoarte fan giel ferkleure foto's út 'e seventies ha ik ek bij 't soad yn it famylje-album. Ik krij altyd wat in tragikomys gefoel bij it trochblêdzjen fan dy foto-albums mei ‘self adhesive’ siden. Ome Hajo wurdt oars ek op tige tragikomise wize beskreaun en de oade dy't omke krijt is hielendal yn styl:

ik ben versmobiel-ondernemer met de kar vol zuivelprodukten maak ik iedereen gelukkig de vrouwen vertrouwen mij allemaal bij de een hou ik een ouwehoerverhaal bij de ander ben ik wat sneller klaar de vrouwen vertrouwen mij, er zijn er bij

Trotwaer. Jaargang 32 81

waarvan ik hun geldzaken regel ja, want ik ben een versmobiel-ondernemer klanten die ik heb moet ik laten vernemen dat ik heel erg wijs met hen ben een klap op het kontje, een kusje op het mondje een kaartje voor iemand in het ziekenhuis een fruitmandje voor de zieke thuis maar het is niet altijd feest, zo ben ik laatst op een dag bij drie begrafenissen geweest ja, want dat is ook de taak van een versmobielondernemer

In prachtige persiflaazje op de reklame-hit ‘Leve de man van de SRV, van je hiep, hiep, hoeree!’ fan it yllústere Cocktailtrio. Trouwens elk haadstikje begjint mei sa'n parlando-eftich ferske of in stikje proaza dat karakteristyk is foar wat folget. Guon teksten binne autintyk, oaren binne oernommen út literatuer út 'e jierren '70-'80. Mei mekoar befettet it boek tweintich haadstikken, yn lingte ferskillend fan ien oant tsien siden.

Ome Hajo is net allinne de eigner fan in nei Atje Keulen-Deelstra neamde SRV-wein, hy is ek in hiel fertsjinstlike dammer, bij't fanatike om 't ôf. Neffens de heit fan Meindert wie ome Hajo yn it damspul in ‘monster’. Alle kearen at ome Hajo wer fan omkesizzer Meindert wûn hie raasde er: ‘De sterke vijand is overwonnen, zijn huisraad is reeds geroofd...!’ En ome Hajo die dat dan mei ‘zijn stralende Dick Passchierlach vastgeplakt op zijn gezicht’. Dy fassinaasje foar bibelteksten en it útdragen dêrfan, al as net ymprovisearre, is it gefolch fan in ferkearsûngemak dat ome Hajo hân hat. Dêrbij rekke ‘Sterke’ Jellie Elzinga ûnder de SRV-wein. Jellie de foet stikken, mar ome Hajo alhiel fan 't sintrum. Hij docht de ‘versmobiel’ fan 'e hân en it liket wol dat der godstsjinstwaansin foar yn 't plak komt. Op krystnacht heart ome Hajo as er yn 'e tobbe sit in stim, in stim fan in ingeltsje: ‘Wees niet bang, Hajo, want ik heb goed nieuws voor jou. Jij hebt nu lang genoeg in bad gezeten. Ik ben hier gekomen om jou eruit te helpen. [...] Ze zei: “Kom met mij mee”. En dat had hij gedaan. Hij ging met haar naar buiten. Maar ze ging opeens bij hem weg. Hij zag haar gaan, vol schoonheid en zuiver en wit als sneeuw.’ - Hilaritas fan it boppenste buordsje en hiel filmys beskreaun. Net allinne dy earme ome Hajo rint yn syn bleate kont om, ek de punker Sexsmurf kin der wat mei. As Sexsmurf yndruk meitsje wol op Geesje de dochter fan dûmny Vogel jout er him neaken del yn in boekebeam en ropt en raast er nei it famke. Dy jout lykwols gjin belies en der fynt in dolkomise sêne plak:

‘Waar blijf je nu? Willen de meisjes je niet? Ik wil je wel hoor, ik vind je aardig.’ Plof. Sexsmurf was uit de beuk gesprongen en stond poedeltjenaakt voor Geesje. Terwijl Geesje Sexsmurf van kop tot teen bekeek, gingen de ogen van Sexsmurf steeds zenuwachtiger heen en weer. Geesje keek Sexsmurf aan of hij een buitenaards wezen was. ‘Wie bén jij?’

Noch noait sa'n droechkloatich stik proaza lêzen. Oan doarpstypen gjin brek yn it proaza fan Talma: ûnderwizer en CDA-fanatikus Piet Nicolai (‘Het CDA, dat moet er zijn / dan is alles pas echt fijn / PVDA, weg er

Trotwaer. Jaargang 32 mee / dat is goed voor de wc’), Sietse Snack, Dikkie Mozes, Kromme Ties, se komme allegear foar op it tableau vivant dat Talma fan syn jeugd skildert. Net tsjinsteande de kostlike anekdoaten dy't oer al dizze doarpstypen ferteld wurde, bliuwe it allegear flat characters. Talma hat blykber hielendal gjin ferlet fan psychologise djipdollerij, ek syn alter-ego en ik-figuer komme amper

Trotwaer. Jaargang 32 82 ta libben, it bliuwt allegear like lullich en ûnbeholpen. Of sa't ome Hajo mear as ienris seit ‘apart-apart-apart’. Wat ek hiel opfallend is, is dat Talma prachtich skriuwt oer it grifformearde folkslibben fan sa'n 25 jier lyn. De auteur hat syn eagen goed de kost jûn, hoe't it bij de kleine luyden om en ta gong, mar hij hat perfoarst gjin trauma oan De Shalom Singers oerholden. At Talma net yn ‘It Fean’ grutbrocht wie, mar yn Snits, dan hie er grif in oanhinger fan de ‘as-je-haar-mar-goed-sit-scene’ west. ‘Gyn flauwekul’ en ‘doën mar gewoan je’, sa (be)skriuwt Talma syn jongesjierren. Yn ien fan 'e fraaiste haadstikjes oer syn middelbere skoalletiid, op it Ichtus College yn Drachten, giet it oer Meindert syn favorite (jaja!!) âld-learaar Klaas Bruinsma. De observaasjes fan ‘Bruno’ lige der net om:

Hij had altijd een lichtgroen pak aan met daaronder een smoezelig wit bloesje. Zijn halflange, vaak wat vette grijze haar hing in slierten voor zijn ogen die zo nu en dan zeer dreigend in de oogkassen rolden. Zijn stem was als een klok en hij sprak in vele tongen. Als we hem 's ochtends het eerste uur hadden, kon het wezen dat hij een gebed hield in het Duits of Spaans of een liedje zong in het Russisch. Het meest fascinerende aan Bruinsma waren zijn wenkbrauwen, die als hij met enige nadruk iets vertelde steevast omhoog gingen.

In reisferslach, oer in helptransport dat Meindert mei ome Hajo nei Roemenië makket, foarmet it tuskenhaadstik tusken de belibbenissen fan ‘Meindert op it plattelan’ en ‘Meindert yn 'e grutte stêd’. Oer de reis nei Roemenië kin ik koart krieme, it binne mear deiboekoantekeningen, mar it lêste kwartet Ingelstalige sinnen hawwe wer in heech Talma-gehalte: ‘Nadat we opgehouden waren met dansen, had Sonja gevraagd: ‘Can I sleep with you?’ ‘No, it's not possible, I'm sleeping in a room with ome Hajo.’ ‘Fuck oma Heejo.’ ‘Yes’, zei ik, ‘fuck oma Heejo.’ It lêste part fan it boek giet oer hoe't it Meindert yn Grins fergiet (it ferhaal oer it ‘Inwijdingsfeest’ komt aardich autintyk oer) en oer syn hieltyd grutter wurdende passy foar de muzyk. Dat hij lang om let noch wer ris achter it damboerd sitten giet om mei ome Hajo te damjen koe fansels net utbliuwe. It damspul is ommers in metafoar fan it libben. Oer de útslach fan dy lêste partij doch ik gjin meidielings, wol oer de lêste sin: ‘De sterke vijand heeft overwonnen, mijn huisraad is reeds geroofd.’

Talma hat in folslein eigen (twatalich) lûd, gjin wûnder dat dit aldermachtichst moaie boek bûten Fryslân sa bejubele wurdt. It foaroardiel dat Friezen fan dy slûchslimme droechkloaten binne, wurdt troch Talma hielendal wiermakke en fansels dy Hollanners pikke soks fuortendaliks op. De resinsint fan it Algemeen Dagblad jout it wurk mar leafst fiif stjerren, Jos Jägers fan de Nieuwe Revu wol al nei ‘Surhuisterveen’ emigreare en Arjan Domhof skriuwt yn Plato mania dat at it boek Dammen met ome Hajo like goed is as de soundtrack mei deselde titel ‘dan gaat volgend jaar de AKO-literatuurprijs naar Surhuisterveen’. Ik doch it net foar minder, Meindert Talma krijt fan mij hûndert punten, omdat er it sa moai seeze kin!

Trotwaer. Jaargang 32 83

Hoe't de dea it libben wekker ropt Gerbrich van der Meer

Tr. Riemersma, Nei de klap. KU, Boalsert 1999. 235 siden. f 35.

Trinus Riemersma hat wat mei klappen, sa liket it wol. As jo syn romans der ris op neislane, docht bliken dat ferskillende wurken fan him troch ien of oare katastrofe sa eindigje dat der neat oerbliuwt. Minskrotten-Rotminsken (1966) eindiget bijgelyks mei de ferwoasting fan Ljouwert, yn De skjintme vurt ferbwólgwódde (1981) rydt de haadpersoan him te pletter en yn De reade bwarre (1992) brekke de libbenen en de deaden oan 'e ein harren werklikheid ôf, sadat in nij geslacht wer mei in skjin laai begjinne kin. Yn Nei de klap, syn foarlêste roman, is in klap net de ein mar de ynstek fan it wurk. De ferskroeiende waarmte dy't dêrbij frijkomt, soarget derfoar dat sawat alles en eltsenien ferbaarnd wurdt. Dochs binne der minsken dy't de ramp oerlibje. Foar har bliuwt neat oars oer as in swarte, keale wrâld, dêr't amper plak is foar libben. De klap op himsels is yn dizze roman net sa wichtich. It giet folle mear om de ympekt dêrfan op it libben fan de oerlibjenden. Riemersma hat syn personaazjes yn dizze roman yn 'e meast ekstreme omstannichheden delset. Sa lit er sjen wat der mei in minske bart as al it bekende en fertroude him út de hannen slein is.

De skriuwer hat derfoar keazen de roman in pear jier nei de bewuste klap begjinne te litten. Op it stuit dat de fertelling begjint, hat it jonkje Auke, de haadpersoan yn it boek, him oansletten by in ploechje bern, dêr't Claus de lieder fan is. Wylst de lêzer it grutste part fan de roman Auke en de bern folget yn harren oerlibbingstocht, wurdt er yn flashbacks gewaar wat der foar, tidens en de earste jierren nei de klap mei Auke bard is. It ferhaal komt der gronologysk op del dat de Drachtster Auke de klap ûndergiet as er seis jier is. As troch in wûnder oerlibje hy en syn suske de hjitte. Der binne lykwols mear oerlibjenden yn Drachten en sa bart it dat de twa bern op in stuit opfandele wurde. De sa ûntstiene groep beslút meielkoar nei it suden ta te lûken yn 'e hope in plak te finen dêr't de klap net sa hurd oankommen is. De Drachtster ploech is noch mar krekt op 'en paad as Auke syn suske ferstjert. Auke wol lykwols gjin ôfskied fan har nimme:

Ik woe by myn suske bliuwe, mar dat koe net, sei de frou, dan soe ik ek deagean. Se hat my optild en in heel ein sjoud. Ik sêch oer har skouder nei dat lytse protsje yn 'e berm, oant ik it net mear beêgje koe. De frou hat my sjoud, salang oant myn gûlen bekommen wie. Doe hat se my wer del set en se hat my by de hân nommen. (s. 227)

Underweis slute hieltyd mear minsken út oare plakken en streken har by de groep oan. Der falle letter lykwols ek minsken ôf om't se it net mear bolwurkje kinne of der foar kieze in oare wei te gean. De man mei it grize burd bekroadet him om Auke en oare bern en besiket harren sa folle mooglik te learen. Hja hawwe ommers de takomst. As de man stjert en der mear rûzje as ienriedigens yn 'e ploech is, ferlit Auke har mei twa freonen. Yn de jierren dy't folgje komt Auke by ferskillende

Trotwaer. Jaargang 32 minsken telâne. Sa bedarret er by in groep Dútske kristenen dy't mei alle macht besykje in libbensweardige

Trotwaer. Jaargang 32 84 mienskip op te setten. Troch ûnienichheid en machtsstriid brekt it harren lykwols by de hannen ôf. Twa kear wurdt er finzen nommen en tramtearre. De iene kear troch twa manlju, dy't him brûke as lûkhynder en de oare kear troch soldaten. Yn it soldatekamp wurdt er systematysk misbrûkt troch in soldaat, dy't er úteinlik sels deadet. Better hat er it by Jean en Lotsy. Yn it winterskoft dat er by harren is makket er lykwols mei dat Jean ferstjert en Lotsy in dea bern kriget.

Op it stuit dat de roman begjint, sit Auke by it groepke bern ûnder lieding fan Claus. Claus is de âldste fan it spul en besiket mei alle macht de baas te bliuwen. Mei hurde hân hearsket er oer de ploech en spilet er groepsgenoaten, dy't er der fan fertinkt dat hja him fan 'e ‘troan’ stjitte wolle, tsjin elkoar út. It wurdt ek dúdlik dat Claus de iene hiel wat leaver lije mei as de oare. Jonges en famkes dy't neat yn te bringen hawwe, binne foar him in bongel oan de poat. Hoewol't Auke der rasjoneel wol ynkomme kin dat Claus dy hurde line folget om de kâns ta oerlibjen grutter te meitsjen, ûntfermet er him dochs oer de famkes Martha, Lize en Jeanine. Jierrenlang besykje se op hieltyd oare plakken meielkoar te oerlibjen, mar op in dei wurdt de groep útmoarde troch ûnbekenden. Auke en Jeanine - it famke dat Auke op in stuit foar dea fûn hat en meinommen hat nei de groep ta - ûntkomme om't hja tafallich twa dagen dêrfoar de ploech ferlitten hawwe. Dat kaam trochdat de bern it by elkoar fandele iten net mear mei Jeanine diele woene. Auke en Jeanine bedarje by twa froulju, Ryk en Rak, dy't libje neffens it ‘leve de lol/lul’-prinsipe. As Jeanine dêr úteinlik stjert beslút Auke werom te gean nei it plak dêr't er weikomt. Dêr wol er him oan 'e ivichheid oerjaan. It ferhaal wurdt beskreaun út it perspektyf fan Auke wei. Dy docht dat tige krekt, mar sûnder emoasjes. Sa as in kamera alles ûnmeilydsum registrearret, sa fertelt Auke oer wat er meimakke hat. It docht my tinken oan it monotoane ferslach fan immen dy't te folle meimakke hat en allinnich mar fan op in ôfstân oer syn ellinde prate kin. In goed foarbyld fan dat distansjearre emoasjeleaze fertellen is syn wize fan praten oer de befalling fan Lotsy:

Doe begûn se te stinnen en te krimmenearjen. Der kaam bloed út har prûm wei, ik tocht dat se dea gean soe. Mar doe kaam dêr in kop út en Lotsy raasde en dêr kaam it beolichje ek. Ik moast it beetpakke mei in doek en derút lûke. Ik fûn it fiis, mar ik die wat se sei. It bern siet fêst oan in slang. Se stiek de hannen út en ik joech har it bern oer. Ik socht in lape en fage de hannen ôf. Doe gûlde Lotsy lûd en sei dat it bern dea wie. Ik seach der nei. It bern beweegde net, it lei sleau op har liif. Doe kaam der noch folle mear bloed. Ik wist net wat ik dwaan moast. Lotsy sei neat, se lei stil mei de hannen om it deade bern hinne. Ik ha frege oft se wat iten of drinken ha woe, mar se joech gjin antwurd. Se sykhelle heel swak. Ik bin op 't lêst mar lizzen gien te sliepen. De oare moarns wie Lotsy ek dea. (s. 143)

Ut de lêste siden fan de roman meitsje ik op dat it kâlde registrearjende fertellen fan Auke syn boaiem fynt yn de dea fan syn suske. Weromtinkend seit er dêroer:

Neityd haw ik noait wer gûld. Ik haw ek noait wer fertriet field. Alles wat ik hie oan gefoelens haw ik doe opmakke en neityd wie myn holle leech.

Trotwaer. Jaargang 32 Sûnt haw ik oars net dien as rinne, ite en sliepe, en al mar sykje om in plak dêr't ik my deljaan koe. Fan wat dêrnei bard is, haw ik lang net alles ûntholden. It is my foarbygien. Ik bin it foarbygien. Sûnt de dea fan myn suske wie neat mear fan belang. (s. 227/228)

It falt my op dat Auke himsels yn dy passaazje

Trotwaer. Jaargang 32 85 oars typearret as dat er yn de roman op my as lêzer oerkomt. Auke sjocht himsels as in emoasjeleas wêzen en wol my witte litte dat er alles omtrint meganysk ûndergiet. As wy lykwols sjogge nei syn omgong mei de famkes Martha, Lize en Jeanine, wurdt it dúdlik dat syn hannelingspatroan dêr net mei oerien komt. Yn de groep fan Claus, dêr't alles draait om it oerlibjen is gjin plak foar swakkere ‘eleminten’. Op it stuit dat dy swakkere ‘eleminten’ lykwols lytse famkes binne, komt Claus Auke op it sear. It is Auke dy't him binnen de groep fan Claus bekroadet om lytse Martha, kreupele Lize en Jeanine ‘mei it domme snútsje’ (s. 232). As de groep - op Lize nei - skoften letter beslút om Jeanine gjin iten mear te jaan - it is dochs allinnich mar in opfretter -, kiest Auke foar Jeanine en ferlit er de ploech. Ut it ferhaal wurdt dúdlik dat Auke as in grutte soarchsume broer noed stiet foar de trije famkes. En dat wylst er yn syn fertellen oer har gjin of amper emoasjes trochskimerje lit. Sûnder dat er it trochhat sprekt er sa twa ferskillende talen: dy fan foar de klap en dy fan dêrnei. Riemersma lit yn syn haadpersoan hiel moai sjen hoe't jo josels foar de gek hâlde kinne. Wylst Auke tinkt nei de dea fan syn suster gjin gefoelens mear te hawwen, meitsje de famkes yn werklikheid wol emoasjes yn him los. It liket derop dat er ûnbewust yn de trije famkes in stik fan syn ferline en fan syn identiteit werom fynt. Troch de klap is Auke net allinnich syn famylje mar ek himsels kwytrekke. Riemersma ûnderstreket it ferlies fan syn identiteit byldzjend troch de feroaring fan Auke syn namme. As Mark, in jonge mei wa't Auke nei de klap in skoft oplûkt, him Ake begjint te neamen, fynt er dat wol prima. Ommers, ‘Auke, dat wie it jonkje út Drachten, en dat is der al lang net mear’ (s. 6). Op dy wize hâldt de ik-persoan feilich distânsje fan himsels. Auke is de jonge fan foar de klap, dy't him burgen wist by heit en mem en syn jongere suske. Ake is Auke fan nei de klap, dy't út it berneparadys soald is en no allinnich oerlibje moat. Auke of Ake, dat is in wrâld fan ferskil. De nammeferoaring stiet symboalysk model foar syn hiele konstitúsje; it ferlies (of miskien better: de feroaring) fan syn identiteit. En ek al docht de ik-persoan sa syn bêst om de identiteitsferoaring yn syn ferhaal ta utering komme te litten, hy oertsjûget my as lêzer net. Syn hannelingspatroan komt ommers net oerien mei wat er seit. Auke brekt yn Ake troch yn syn soarchsumens foar Martha, Lize en Jeanine. As Jeanine ferstjert, is it Auke oer. Hy hat der gjin nocht mear oan. Jierrenlang hat er syn bêst dien om te oerlibjen en yn earste ynstânsje hat er dêr ek alles by ynset: gjin emoasjes ta litte, net foarút en efterút sjen, mar libje by it no. It slagget him lykwols net mear: ‘Foar mysels woe ik libje en oerlibje. Mar dat is feroare, ik haw gjin aardichheid mear oan myn eigen bestean, it seit my neat mear.’ (s. 214) No't er net ien mear hat, dêr't er noch foar libje wol, wol er noch mar ien ding: nei hûs ta. En yn dy weromreis nei syn woartels, mei gjin oare takomst as de dea, jout Auke himsels wer de romte om werom te sjen en nei te tinken. Op dat stuit komt er om sa te sizzen wer ta libben.

Riemersma boartet yn de omkear op skrinende wize mei de begripen libben en dea: Auke hat himsels acht jier lang fysyk yn libben hâlden, geastlik wie er lykwols sa goed as dea. Mei syn kar om út it libben te stappen, komt er geastlik wer ta libben. Yn dizze makabere roman konfrontearret Riemersma de lêzer mei de wêzenlike fraach wat no eins in libbensweardich libben is. Yn de ynderlike ûntjouwing fan Auke jout er ek al in

Trotwaer. Jaargang 32 86 soarte fan andert. Auke ûntdekt dat er him net thús fiele kin yn in libben sûnder takomst en ferline, dat draait om iten, rinnen en sliepen, in libben ek dêr't de macht fan de sterkste yn jildt en dêr't jo altyd yn op jo ki-vive wêze moatte. It beslút om werom te gean nei it plak dêr't er him noflik fielde, jout him rêst en in ‘nuvere fleorigens’ (s. 224).

Underweis nei hûs betinkt Auke dat er woe dat er syn famylje nochris sjen koe. Neffens de Dútske kristenen wie it libben mei de dea net dien. Yn harren leauwen soe de minske nei syn dea wer libben wurde en yn 'e himel komme. Yn dat gefal soe Auke syn âlden en suske nei de dea ek wer tsjinkomme kinne. Hoewol't syn langst nei syn famylje grut is, bringt dat idee him fan syn stik en konfrontearret it him mei de sin fan syn jierrenlang oerlibjen. It twingt him te kiezen tusken twa kweaden:

As de himel it doel wie, hie 'k better daliks deagean kinnen. Wêrom moast ik dit dan allegearre utstean? Ha ik om 'e nocht gûld om myn suske? Siet sy op dat stuit al by ús heit en mem yn 'e himel moai yn 'e waarmte mei iten en drinken wylst ik mar omtoarke? Dan soe alles in grap west ha. Ik hoopje dat der gjin himel is en dat ik ús heit en mem en myn suske net werom sjuch. Dan hat myn libben doel hân en dan haw ik myn triennen net fergriemd. (s. 233)

Mei dy hiel ûntroerende en tagelyk benearjende passaazje, dêr't Auke syn ambivalinte hâlding dúdlik yn ta utering komt, rekket Riemersma in eksistinsjeel dilemma dat fan alle tiden is. It tekstdiel foarmet foar my as lêzer it hichtepunt fan de roman en set it hiele ferhaal yn in breder perspektyf.

Nei safolle jierren fan skriuwerskip bliuwt it by Riemersma noch altyd spannend wat foar roman er no wer út syn hoed toveret. Syn nocht oan hoallefoaljen mei foarm en ynhâld smyt alle kearen wer in hiel oare roman op. Nei de klap karakterisearret him yn it earste plak troch in net alledeisk ûnderwerp: wat bart der mei in minske as it libjen ta oerlibjen wurdt? Twads kipet de wize fan fertellen derút: in ikfiguer as haadpersoan dy't it grutste part fan de roman in distansjearre emoasjeleaze ferteltrant oanhâldt. Om't Riemersma as dekor foar syn ferhaal ek noch in deade en deadske wrâld brûkt, makket er it himsels, mar ek de lêzer, net maklik. De nocht om de roman út te lêzen wurdt der net grutter op as jo yn it kylwetter fan de personaazjes jier nei jier ‘oerlibje’ moatte sûnder útsjoch op bettere tiden. Auke sil my wol meifiele kinne, yndachtich wat er seit op side 175: ‘Foar de klap wie it wichtich om de dagen te witten. [...] Mar neitiid rigen de dagen har sûnder ûnderskied oaninoar. Ite en sliepe en oppasse foar gefaar.’ As jo it ferhaal lykwols yn de kontekst fan de ynderlike ûntjouwing fan Auke sette, komt it yn in oar ljocht te stean en set it jo oan ta neitinken oer jo werklikheid. It is in fertsjinste fan Riemersma dat er it eksperimint oandoard hat in roman te skriuwen oer minsken, dy't losslein fan harren kontekst, libje moatte yn in hurde, wrede, kâlde wrâld, dêr't eins gjin ûntwikkeling yn mooglik is. Dat dy wrâld kâld en deadsk is, wurdt my as lêzer net allinnich dúdlik troch de repetearjende motiven fan iten sykjen, op jins iepenst wêze en oerlibjen, mar ek troch de bewust keazen monotoane skriuwstyl. It bliuwt lykwols de fraach oft dy op himsels hiele moaie

Trotwaer. Jaargang 32 fynsten de lêsberens fan de roman gjin ûnderstek dogge. Want ek al is dy foarm yn syn kontekst tige goed te ferdigenjen, hy stiet it animearre trochlêzen fan de ynhâld te faak yn it paad.

Trotwaer. Jaargang 32 87

Rimpen loslitte as in skuor yn it bestean Joop Boomsma

Margryt Poortstra. De Loads. Utj. Frysk en Frij, 1999. 184 siden. f 24,50

Stel, jo sette jo ta it lêzen fan in roman oer in man en in frou dy't - ik betink mar wat - in skoft opsletten reitsje yn in loads, in ein hinne fan 'e bewenne wrâld ôf, op in yndustryterrein bygelyks. De kâns dat se earder as de earstfolgjende wurkdei befrijd wurde sille is hiel lyts: der is gjin telefoan yn de loads en beide persoanen hawwe gjin relaasjes dy't thús tearen yn 'e foarholle lûke en tinke: wêr bliuwt hy/sy no dochs! Mei oare wurden: beide minsken binne in stikmannich dagen en nachten ta elkoars selskip feroardiele. Unwillekeurich foarmet jo lêzersgeast guon fragen, eigen plots - foarútrinnend op it ferhaal dat jo lêze sille -, wêrby't begripen as panyk, skriemerij, seks, iensumens, wille, moard en deaslach oer elkoar hinne rôlebôlje. Mei sa'n gegeven kinne jo ommers alle kanten út. Om't it gegeven sa plat as in dûbeltsje is. En al sa faak yn boek- en dramafoarm útwurke. Dat jo hâlde jo hert fêst. Dat jo sette jo fol ferwachtings oan it lêzen. Dat jo sjogge wol.

De Loads fan Margryt Poortstra is it ferhaal fan de goed fjirtichjierrige diriginte Dynke en de hast tritichjierrige pianist Abel. De âldere frou en de jongere man. Beide sûnder in thúsrelaasje en beide belutsen by in sjongstik dat yn ‘de loads’, in lege fabrykshal dêr't inkeld wat lukse jachten plak ynnimme, rippetearre wurdt en dêr ek syn útfiering ha moat. Tegearre fernimme se - noch efkes neipratend, de koarleden binne linkenoan nei hûs ta gien - dat ‘de loads’ nei de rippetysje, krekt foar it wykein, oan 'e bûtekant yn 't slot fallen is; tegearre sille se it wykein tabringe moatte, yndied ta elkoars selskip feroardiele. Gjin telefoan dus, gjin oar ûntwyk, gjin mooglikheid ta help, ta befrijing. It tekent sûnder mis de krêft fan de auteur dat hjir yn har boek gjin wiidweidich ferslach fan dien wurdt, net krampachtich útlis jûn wurdt: dit binne de feiten en binnen dat ramt sil myn ferhaal him ôfspylje. Poortstra set de lêzer in sitewaasje foar en dêr sil er it mei dwaan moatte: in man en in frou binne ûnfrijwillich in wykein lang opsletten yn in loads. Punt. Mei dat gegeven op himsels wurdt yndied net folle dien, it hie likegoed in skipbrek op in ûnbewenne eilân of it ôfdriuwen op in iisskots yn de Iselmar wêze kinnen. Ja, der is wat fan in spanning ut en troch (it is kâld yn 'e nacht, der is net folle te iten en te drinken, de man spilet soms it ‘haantje’, de frou hâldt ôf, in oanfal fan klaustrofoby by de man, it gefoel fan ultime iensumens by de frou, de rook fan switsokken - soks), mar folle wichtiger is wat der echt bart: de frou fertelt en de man harket. It fertellen fan de frou en it harkjen fan de man, dat is it ferhaal fan De Loads fan Margryt Poortstra. In tradisjonele ramtfertelling suver mei út en troch wikseljend perspektyf. En yn de haadrol jimmeroan Dynke de Vries, beppesizzer, dochter, suster, bern en frou fan en yn har eigen wrâld. Dynke de diriginte dy't ek it ferhaal fan dizze roman dirigearret - omt hja de fertelster is, om't hja daalk eins al, nei't dúdlik waard dat hja en Abel in skoft tegearre yn ‘de loads’ tahâlde moatte, oanjout dat hja fertelle sil, fertelle wol.

Trotwaer. Jaargang 32 88

En Abel? Abel is in romanfiguer dy't - sa wurdt de lêzer dúdlik makke - moai pianospylje kin. Dy't (op de skieding fan syn frou en in pear bern nei...) gjin ferhaal liket te hawwen, gjin ferline hat - en allinne mar by de graasje fan Dynke de Vries oanwêzich is en harkje mei, harket. Hy is in soarte fan referinsjekader. De iene kear dat syn perspektyf honorearre wurdt troch de auteur, dat er sels efkes oan it wurd mei, falt er daalk troch de koer. Hy hat neat te fertellen. Abel kin eins allinne mar passyf wêze, harkje - en moai pianospylje fansels. Ek as er it liif fan syn lotgenoate ferkent, spilet er piano. Fynt sy. Fertelt Dynke. Jo kinne dêr as lêzer ferskillend oer tinke, mar ik fyn it knap fan Margryt Poortstra dat se, de auteur, op dizze wize de kearn fan har ferhaal konsekwint fêsthâldt. Gjin omballingen, gjin dramatyske tastannen yn de loads, gjin gedonder mei frachten byfigueren: allinne beppe Grytsje, ús mem, ik - en dus eins allinne mar ‘ik’ - dêr giet it om yn De Loads. De hiele roman kin sadwaande beskôge wurde as it ferhaal fan Dynke de Vries, sjoen troch har eigen eagen fansels, mar ek troch dy fan de mem en de beppe. Sa wurdt it libbensplaatsje kleure troch antwurden op dy ivige fraach: wêr komst wei? Dat De Loads lykwols mear is as samar in libbensferhaal fan samar in frou waard my ynienen dúdlik troch ien sin (op side 97, dus al mear as healwei yn it boek). De legere skoalletiid sit der op en Dynke sil nei ‘de oare skoalle’, yn it doarp acht kilometer fierder. Se krijt in nije fyts fan de âlden: ‘Foar my waard de wrâld grutter, foar harren wie it de earste drompel fan it loslitten.’ Foar my is dat it téma fan dizze roman: it loslitten. Geandewei it libben reitsje jo los fan it measte dat altyd sa gewoan en fertroud wie, fan de minsken om jo hinne: âlden, broers en susters, famylje, skoallekammeraden, guon relaasjes. Meast is dat in stadich proses, in suver natuerlike gong fan saken dêr't jo jo letter pas echt bewust fan wurde en in bytsje fertriet om hawwe, wat mankelyk fan wurde kinne. Alle ferhalen dy't Dynke oan Abel (oan harsels eins, dus) ferteld hat, wize dêr op. Mar soms hat in minske gjin tiid krigen om der ta te wennen, om't dat loslitten in losskuorren is. Sa as mei in ferskriklik barren, lykas it hommels ferstjerren fan de âlden. Yn Margryt Poortstra har roman is it ferûngelokjen fan de âlden mar in koart fragmint, it wurdt soberwei efkes neamd yn it safolste ferhaal dat se Abel fertelt, mar as lêzer fiel ik dat hjir de kearn rekke wurdt: it rimpene ferlies as in soarte fan skuor yn it bestean. Loslitte net mear as in stadige en natuerlike gong fan saken, mar loslitte ynienen as in hurd proses dat trochwurket yn it fierdere libben - oan de dei fan hjoed (yn de loads) ta. Abel wurdt nei de befrijing út de loads en nei de slagge útfiering fan it sjongstik tige betanke foar syn meiwurking en sa, mar mear as ea in hapke ite tegearre sit der net yn. Hy hat yn de loads syn funksje hân, want Dynke liket fertellendeweis trochkrongen ta de djipten fan har eigen wêzen en dat hat mear as louterjend wurke. Faaks dat se aansen, as it gewoane libben syn gonkje wer giet, geastlik wat frijer werom sjen kin op wat bard is, eartiids.

Margryt Poortstra hat mei dizze roman op 'e nij bewiisd dat hja ta de top beheart fan de hjoeddeiske Fryske literatuer (m/f). Se set sûnder in oerdied oan wurden minsken del dy't earlik en echt oerkomme. Faaks dat De Loads psygologys wat minder djipgong hat as guon fan har eardere boeken, wat iendiminsjonaler is (want eins folslein rjochte

Trotwaer. Jaargang 32 op ien minske), mar wat yn dizze roman ferteld wurdt is boeiend en meinimmend. Krekt om't der safolle yn ferteld wurdt.

Trotwaer. Jaargang 32 89

Met geheven kin Sjoerd Bottema

Glad en wijd ligt het ijs, de mooiste schaatsgedichten uit de Nederlandse en Friese literatuur; gekozen door Max Dohle en Ben van der Burg. Amsterdam 1999. f 24,90.

‘Een gevarieerde bundel schaatsgedichten,’ neffens de flaptekst, ‘die ernstige, romantische en nostalgische poëzie bevat.’ De gearstallers binne lju mei ferstân fan saken, de iene in ‘verwoed lezer en schaatser’ (Max Dohle, dy't boppedat al earder twa ‘succesvolle’ iisbondels gearstalde), de oare ‘neerlandicus en schaatstopper’ (Ben van der Burg, fanwegen syn oandwaanlik jongeslûd troch Eurosport oanlutsen as kommentator). De nostalgy dript jin al fan it omkaft ôf temjitte mei in Wintergezicht út 1658 fan Jan Abrahamsz Beerstraten en in titel yn sierlik útwaaierjende, kursive kapitalen, as streken op it iis. Neffens in sekere Pitre-Chevalier is it reedriden de iennichste poëzij yn ús prozayske lân: ‘Le patin est la poésie de cette nation prosaique’ - en dat sitaat út 1851 hat de bondel as motto meikrigen. De gedichten binne min ofte mear tematysk ferdield oer in tal rubriken. Dat bart wolris wat willekeurich. Sa hie it moaiste gedicht fan de bondel, ‘Yup op noren’ fan Ivo de Wijs, sa goed wol yn 'e rubryk Het wak stean kinnen as yn De schaatsenrijder. Dat gedicht pykt der út fanwege de humor, dy't yn 'e rest fan 'e bondel frijwol ûntbrekt, hoe fleurich wy mei-inoar op it iis ek binne, en omdat it ûnder net ien fan de op de achterflap neamde kategoryen falt en dus ek net ûnder de klisjees dy't dêrmei gauris anneks binne - ‘ernstige, romantische en nostalgische poëzie’.

Afijn, ik was dus op het ijs Zie ik daar een manspersoon Die al schaatsend in de weer is Met zo'n losse telefoon

Yn feite is it fansels wòl wer de nostalgyske dichter dy't hjir oan it wurd is en dy't de grize oer de grouwe giet fan sa'n gsm-barbaar yn 'e porsleinkast fan it romantyske klisjee. Mar as dichter is Ivo de Wijs in god yn 't djipst fan syn gedachten, en God straft onmiddellijk: ‘Gelukkig ging ie op z'n bek.’

Vandaar misschien dat ik die dag De leipo verder niet meer zag Ik hoorde enkel nog, héél zwak Tuut-tuut-tuut-tuut (vanuit een wak)

De aldst bekende dichtrigels oer glydzjen en remjen op it iis komme út 1264 en binne fan Jacob van Maerlant:

Hy leerde my op den yse gaen, lopen ende stille staen.

It wurd ‘schaatsen’ dûkt pas op yn in winterferske út 'e 16e ieu. ‘Voor de romantici’, skriuwt ynlieder Max Dohle, ‘is schaatsen een synoniem van de liefde geworden, ook al blijft die liefde onbeantwoord.’ Om der daliks oan ta te heakjen: ‘Het oudste

Trotwaer. Jaargang 32 Friese gedicht in deze bundel, van Eeltsje Halbertsma, komt ook uit de periode van de romantiek,’ as soe it yn dat fers, ‘De likeblommen’, ek gean oer ûnbeände-

Trotwaer. Jaargang 32 90 re leafde. Mar it tema fan ‘De likeblommen’ is dat fan de wreed gescheiden gelieven, it is in jankfodde, in juwiel fan in jankfodde, fan it type ‘Manuela’: in moaie jonge frou dy't ferûngelokket en har ûntreastbere, skuldbewuste feint. It romantyske langstme nei it ûnberikbere fynt men àl yn it fraaie argayske fers ‘De winter’ fan N.E.M. Pareau, mei prachtige edelkitsch as ‘de eenzaamheid van 't toegevrozen meer’, oer in iensume, foar de dichter-taskôger net benei te kommen reedrydster dy't fan gjin ophâlden wit:

aan den befloersten hemel grauwt de maan. Haar gang wordt langzaam. Even blijft zij staan en rijdt daarna met forschen streek ter kimme.

Is it by Pareau de ‘fernweh’, by Baukje Wytsma lit de langst nei it ûnberikbere him fertale as heimwee, it langstme nei it ferlerne paradys fan de jeugd en de waarmte fan it âlderlik hûs, in besykjen it ferline op 'e nij te belibjen, dat benammen in sykjen is nei spoaren fan de ferstoarne heit: ‘Dit iis spegelt him libbensgrut werom’.

As 'k nei it plak ryd dêr't ik berne waard, fjochtsje de einen har in paad troch 't wek. (...... )

Gjin doar dy't iepengiet, gjin stim. De einen fleane op yn kûgelsfeart. Izige kjeld as 'k by de stienbult kom. Ferheard fyn ik it paad werom.

Bouke Oldenhof hat der in moaie oersetting fan makke, dy't net foar it orizjineel ûnderdocht en dat op in inkeld punt sels oertreft. Sa is it wat sloppe en omslachtige ‘einen fleane op yn kûgelsfeart’ by him werombrocht ta in koart en krêftich ‘eenden spatten op’. Foar Dohle is it sonnet ‘Dof violet is 't west en paarsig grijs’ fan J.A. Dèr Mouw it hichtepunt fan de 20e-ieuske reedriderspoëzij. ‘Bij hem zijn schaatsen en poëzie volledig inwisselbaar geworden.’ Dèr Mouw skriuwt yn dat fers hoe't er kuierjende troch it beripe gers neist him op 'e feart it lûd fan krassende redens heart: ‘'t Is in mijn rug, of 'k zelf op schaatsen was.’

Zo hoop 'k dat, langs wiens geest mijn verzen glijen, Alleen, in paren, of in lange rijen, Schomm'lend op maat en rijm van hollands staal,

Dat hij de wind, die mij droeg, zelf hoort waaien, En 't fijn slieren en 't heerlijk brede zwaaien Voelt van zijn eigen stemming in mijn taal.

De reedrider hat bytiden it gefoel dat er fljocht en dy ûnderfining sil troch de ieuwen hinne hyltyd wer yn gedichten opdûke. In moai foarbyld dêrfan is ‘De reedrider’ fan Ype Poortinga:

Leech foar him baarnde in reade sinne Troch loft en iis, en skoep út har In elemint nij om him hinne, Dat hy himsels yn lok en ljocht In ingel frij te fleanen tocht.

Trotwaer. Jaargang 32 De Nederlânske oersetting fan Anne Wadman docht soms wat stiif en deftich oan. Sa is ‘reade’ yn ‘in reade sinne’ oerset as ‘rood omtogen’. En it rym twong Wadman derta om de ingel by nacht fleane te litten wylst de sinne noch yn 't ûndergean is: ‘zodat hij zich te viegen dacht, / een engel vrij in lichte nacht.’ Poortinga jout yn syn gedicht ek utdrukking oan it gefoel dat de wrâld der op it iis oars as oars utsjocht:

Him glimken stompe tuorren ta

Trotwaer. Jaargang 32 91

As goede reuzen út in mythe. As seach er hjoed earst! Him wjerfoer In mûne, in pleats as aventoer.

Ferbjusterjend is it lange fers ‘Mijn schaatsen’, dat yn 'e lêste trije fan de santjin strofen de lêzer opropt om de noed fan de earme man, fral yn 'e winter, net te ferjitten:

Wie den armeren broeder zijn hulpe bewijst Heeft Jezus gedrenkt, en heeft Jezus gespijst.

Stichtlike dûmnyspoëzij út 'e 19e ieu soe men tinke, mar nee, dizze brave rigels binne fan enfant terrible en bohémien Multatuli!

Een weldaad den armen broeder gedaan wijst boven een plaats in den hemel u aan!

In ‘jeugdsûnde’, bedreaun yn 1838 (de skriuwer wie dy 18 of 19 jier), alhiel skreaun neffens de toan en yn 'e geast fan de sentimintele, húslike literatuer fan dy tiid, dy't Multatuli letter sa prachtich parodiearre hat yn de ‘Dichtoefeningen’ fan meester Pennewip. Tusken de Fryske dichters - bekende kanonnen as Obe Postma, Eeltsje Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Baukje Wytsma en Douwe Tamminga - falt de namme op fan de folslein ûnbekende dichter Wiger Zylstra, mei in gedicht oer in tocht op redens dy't er mei syn soan makke. It hat de prachtige titel ‘Winterwaarmte’ en it is yndie in ‘waarm’ en ek hiel tagonklik gedicht, dat grif in breed publyk oansprekke sil. It balansearret op it glêde iis fan it sentimintele, mar de dichter-rider glidet dêr net oer út en streket moai rjocht troch, yn linige kadâns:

It wetter stjurre, glêd en glier De sinne sprekt mei glâns Fan kjeld en ier al Grypt elk de kâns Yn linige kadâns Troch 't wite lân te swalkjen.

It heucht my net dat ik it wurd ‘glier’ (blinkend, doorschijnend) ea earder tsjinkommen bin, mar it is in moai wurd en it alliterearet prachtich mei ‘glêd’. Oersetter Jabik Veenbaas is der knap yn slagge om betsjutting en alliteraasje yn it Nederlânsk fêst te hâlden: ‘Op 't water glimt het glad kristal’. Yn syn oersetting fan de tredde strofe makket Veenbaas lykwols in nuvere bûtensprong. Zylstra skriuwt dêr:

Myn jonge krûpt wat út 'e wyn, Mar wit fan gjin belies. Hy streket lyk mei my, Lang as it kin, Koart tsjin de pûsters yn.

En Veenbaas makket dêr fan:

Mijn jongen kruipt dicht achter mij, Een beetje uit de wind. Maar hij houdt mijn slagen bij, Met geheven kin,

Trotwaer. Jaargang 32 Kort tegen de vlagen in.

Lang as it kin = Met geheven kin? Om't it Fryske en it Nederlânske ‘kin’ hjir homonym binne, kin de argeleaze Nederlânske lêzer, dy't mei help fan de Nederlânske oersetting besiket it Fryske orizjineel wat benei te kommen, raar op 'e doele reitsje. Boppedat is it fansels ûnsin: ‘met geheven kin’ yn 'e wyn op ride! By Zylstra makket dy jonge bytiden moaie lange streken, by Veenbaas is it in preamkeskower dy't allinne mei koarte streekjes oer it iis knoffelt. Wol wer tûk is Veenbaas syn oersetting fan de folgjende rigels: ‘Moarn wol hy fêst de kop

Trotwaer. Jaargang 32 92 sels dwaan, / Of wol hy my in foarsprong jaan.’ De wat steurende herhelling fan ‘wol hy’ hat Veenbaas kreas weiwurke: ‘Morgen rijdt hij zelf vooraan, / Of laat hij me met opzet gaan.’ It sil je trouwens mar oerkomme: ien gedicht publisearje, op 'e Skriuwerskalinder fan 1997, en dan fernimme dat dy earsteling al daliks útferkard is om ta treden ta de earegalerij fan ‘de mooiste schaatsgedichten uit de Nederlandse en Friese literatuur’ yn it selskip fan mannen as Bredero, Vondel en Dèr Mouw! Wiger Zylstra kin mei ‘geheven kin’ troch de winter, lykas ek de Fryske muze, want ûnder de 68 gedichten yn dizze bondel is de Fryske poëzij mei 11 fersen plus oersetting moai royaal fertsjintwurdige. Boppedat is Glad en wijd ligt het ijs in aardich boekje, it lêst like maklik as ride foar de wyn en men komt ûnderweis fan alles tsjin.

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (6)

Onverklaarbaar onweerstaanbaar

Laatste jaarwisseling van het millennium antipodisch licht en warmte opgezocht. Escape. Nostalgie. Therapie. Terra Incognita. De brug beklommen die als een kapstok over de fraaie natuurlijke haven hangt. Het uitzicht reduceert het Opera House tot een verdwaalde zeilboot op de Friese Meren. Hier kon nooit wat. ‘Bogota’, sist een vriendin uit een vorig, avontuurlijk bestaan nog steeds wanneer de politiesirenes weer eens loeien. Het Opera House moest met geld uit de Staatsloterij van New South Wales worden voltooid. Nu is het het symbool van een stad die zich sans gêne ‘the most beautiful in the world’ noemt. Een spectaculair vuurwerk boven de verlichte zeilen van dit monument van de durf luidt de nieuwe eeuw in. De eeuw van Sydney. Het jaar van de Games in deze stad. Wanneer het vuur eindelijk is gedoofd wordt het tijd voor mijmeringen. Aan de oevers van de Pacific, onder de felle schijnwerper van het Zuiderkruis, is de navelstreng met Terra Firma in een fractie van een seconde hersteld. It Heitelân. Waarvan de verlokkingen ineens zo onverklaarbaar onweerstaanbaar zijn. In 's werelds mooiste stad toch nog even aan Leeuwarden gedacht.

Wio Joustra (sjoernalist)

Trotwaer. Jaargang 32 93

Altyd wat! Tr. Riemersma

De ideale middenposysje

Yn syn tankwurd by de útrikking fan 'e Gysbert Japicxpriis 1963 sei Jo Smit ûnder oaren: ‘It skriuwen no yn in frjemde taal hat foar dat net de taal de gedachte foarútliicht, lykas oars maklik barre kin. Wa't in stik proaza fan in oar of fan himsels net fertrout docht goed te besykjen it oer te setten yn in oare taal - by fertaling falle hollens en falskheid yn geskrifte meastentiids troch de koer.’ Smit syn obstrewaasje is yn dit gefal grif krekt, mar de ferklearring soe oars kinne. Foar him as prater earst fan it Hollânsk en letter it Midslânzers is it Frysk in ‘frjemde’ taal. Mar it Frysk kin fansels net op ien streek set wurde mei grutte talen as it Italjaansk of Dútsk. It Frysk is in minderheidstaal dy't healweis tusken it dialekt en de kultuertaal yn sit. Smit syn útspraak soe tinkt my sa nuansearre wurde moatte: it gefaar dat de taal mei de gedachte oan 'e haal giet, fynt men by de kultuertaal, net by it dialekt. Myn Hollânsk kin gjin sprekken lije, mar doe't ik myn proefskrift yn it Hollânsk oersette en foar in part nij formulearje moast, tocht ik, wat skriuw ik handich, wat falle myn tinzen maklik te plak yn 'e sinnen. Ik hoopje net dat ik sadwaande ta ligen ferfallen bin, mar dat it Hollânsk jin der makliker trochskuort, wylst men dêrfoaroer by it Frysk folle mear wurk hat om krekt te sizzen wat men bedoelt, dat haw ik wol ûnderfûn. De ferklearring foar dat ferskil liket my te wêzen dat it Hollânsk in hele macht sinkonstruksjes klear lizzen hat foar allerhande sitewaasjes. Konstruksjes dy't troch elkenien brûkt wurde en troch elkenien akseptearre wurde. Hânsume en kreaze ferpakkingen foar kin neat skele hokker ynhâld. Politisy binne bazen yn it produsearjen fan ditsoarte foarprogrammearre konstruksjes dy't har suver fansels folje mei wurden en dêr in sin oan jouwe. Yn it dialekt wol soks net slagje. Ast yn it dialekt soksoarte út 'e kultuertaal liende konstruksjes brûkst, beart it as skuorde klokken en de harkers freegje gnyskjend oftst it nochris sizze wolst. It dialekt is de taal fan 'e lytse mienskip, it brûken fan dialekt wurdt assosjearre mei it gefoel fan thúswêzen yn 'e rûnte fan famylje en kunde dêr't men ûnder ferkeare kin sa't men is, en dêr't men akseptearre wurdt as men jin foardocht sa't men is. De dialektprater hoecht net te sweeslaan, want wy witte allegearre wol út wat laach as er komt. Hy is ien fan Jan en Hinke fan 'e Pôle, dat doch mar gewoan en stel dy net oan. De kultuertaal is de taal fan 'e kompetysje, fan it jinsels profilearjen, fan it stribjen, de taal fan 'e moaiste broadsjes foar it rút. It dialekt is de taal fan it wêzen. Ik wit sels wol fan it doarp hoe ferstikkend dy mentaliteit fan ‘doch mar gewoan, wy witte wol wêrst weikomst’ wêze kin. Elkenien dy't nei heger en better stribbet, wurdt yn 'e sompe fan 'e midsmjittichheid weromtreaun. Mar dy mentaliteit hat likegoed ek syn foar, om't er jin ferget op it kommen sa't men is en op it ôflizzen fan falske pretinsjes. It Frysk nimt as minderheidstaal in ideale posysje yn tusken oan 'e iene kânt dialekt en oan 'e oare kânt kultuertaal. De minderheidstaal yt fan twa wâlen. As taal fan

Trotwaer. Jaargang 32 wittenskip, polityk, godstsjinst en kultuer is it Frysk folslein kultuertaal, mar de bannen mei it dialekt wur-

Trotwaer. Jaargang 32 94 de net ûntkend en net fertsjustermoanne. Oarsom, de Fryske kultuertaal bestiet by de graasje fan it dialekt. Hy set him dêr net tsjin ôf, mar libbet der út en der fan. As wy yn wittenskiplike of literêre taal ús in stikhinne distansjearje fan it deistige praat fan hiem en buorren, dan wurde wy troch de gewoane praters fan it Frysk twongen om ús te ferantwurdzjen. En dat is goed, dat behoedet ús derfoar om yn holle bombast fierder te rolleboljen.

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (7)

Nee, ik doch der net oan mei en meitsje Abe Bonnema ta de Mephisto fan Ljouwert. De man dy't it hert fan dizze ‘stad met karakter’ omsmelte wol ta in Babylon fan swart spegeljend glês. De ambisjeuze stedsbestjoerder seach himsels yn it spegelrút: hy seach in aardich, bytsje eigenwiis gesicht. Der sil noch in kantoartoer komme moatte, wie doe syn beslút. En noch ien. En noch ien. En noch... Mar hy wist, ienfâldiger soe it wêze en lit de snor stean. En draach in hoed. Nee, perfoarst gjin tuorren bouwe, heger as hûndert meter. It mocht de stêd ris boppe de skyline fan it gewoane úttille. Hear se eameljen oer de monuminten leech by de grûn. En at se de moed ha en hef it kopke, is dat allinne om te sjen dat in loftbrêge it histoarysk útsicht op in tsjerketoer bedjerre sil. In toer dy't mei foarútsjende blik it bûgjen sels oars net frjemd wie. Wer moat Ljouwert it ôflizze tsjin in hantsjefol eigensinnige stedshistoarisy. Dy't swarre, mei hoed of baret op it hert: wy dogge dit út leafde foar Ljouwert. Was sich liebt das neckt sich. ‘Sjoch dizze stêd; sjoch wat der rûnom bart. It âlde spegelt him yn wat de takomst hat’, dichte Piter Terpstra. Zadkine makke gewoan in byld sûnder hert. Yn Ljouwert leit de arsjitektuer fan 'e takomst ûnder trije meter grûn bedobbe. ‘Staak it razen fan de barrikaden.’ We witte no wol dat Amicitia it lilkste gebou fan 'e binnenstêd is. Net ôfbrekke dus, it jout it ekskús om oan 'e Skrâns krekt wat minder mâle gebouwen del te setten. Untwurpen troch arsjitekten mei in opfetting ynstee fan in fisy. En foarsjoen fan it giele earmerk fan Hûs en Hiem. ‘Ik ben hier niet gekomen om te breken maar om te bouwen’, sei boargemaster Van Maaren. Mar om bouwe te kinnen moat je earst brekke, sei de arsjitekt mei fisy. Plat dus mei dy troep om De Harmonie hinne, sadat de Ljouwerter skouboarch einlings de romte en it oansjen krijt dy't er fertsjinnet. Lit it barre. Bou dy toer en noch in toer. En sels wa't springt sil net sûnder namme bliuwe. Wa nimt de muoite en spring yn fredesnamme fan de Aldehou. Ja, foar in stoer deroer. Laat het gebeuren. Laat het een keer fout gaan. Als een stad niet beweegt, gaat-ie dood. Each man kills the thing he loves. Ljouwert hat te folle beminden. Henk te Biesebeek (sjoernalist)

Trotwaer. Jaargang 32 95

JanMurk de Vries: hieltyd yn beweging Henriëtte Bollée

In dreaune man fan tachtich jier. Opfallend fit en brún fan 'e sinne. Hy makket lange dagen, wurkjend oan syn nijste opdracht, in skieding foar it stiltesintrum op 'e lofthaven Schiphol. De skieding bestiet út seis akrylpanelen, allegearre in foech twa meter heech en hast in meter breed. Hy hat in masker op om him sa folle mooglik te beskermjen tsjin fergiftige dampen. It is in moaie opdracht dy't foldocht oan syn djip religieus bewustwêzen, dat him as motor oandriuwt. De bûddist, de kristen, de joad, de moslim; sy moatte harren stik foar stik yn it stiltesintrum thúsfiele, wachtsjend op de reis. It hat derfan as mei de jierren de dochs al grutte en alsidige produksje fan JanMurk hieltyd flugger oanwint.

Njonken it skreppen om al dy opdrachten foar monumintaal wurk klear te krijen, fynt er noch de enerzjy en de driuw om te skilderjen, te tekenjen en les te jaan. Syn artistike libbensrin fan nei de oarloch foldocht oan it romantyske byld dat de leek fan in echte keunstner hat. Iensumens, earmoed en geastlike striid, allegear fuortkommend út syn kar foar it keunstnerskip. Foar dy tiid ferkocht er stedsgesichten en tekeningen foar skaplike prizen. Wat hie er dêr maklik mei trochgean kinnen, dat meitsjen fan dekorative skilderijen dy't ‘mei in goede list deromhinne’ ferkeapje soene as wie 't neat. JanMurk keas dêr net foar, en gong definityf it ûnwisse paad fan it echte keunstnerskip. In tiid lang wie er bot iensum, sykjend om in eigen styl, gauris gjin jild foar materiaal, ienfâldichwei yn it lijen troch honger en kjeld. In foarbyld fan dat sykjen toane de skilderijen dêr't de ynfloed fan Picasso en Braque yn te sjen is. Sunt de ein fan de fyftiger jierren wurdt de karakteristike styl fan Jan Murk de Vries sichtber. De namme JanMurk kaam yn 1953. Earder wurk is sinjearre mei Jan de Vries. Murkje wie de namme fan syn ierferstoarne mem, dy't er och sa miste. Stadichoan wie er him bewust wurden fan syn homoseksualiteit, en, wittend dat er nea bern krije soe, keas er foar de tafoeging Murk en foar it weilitten fan syn efternamme. It waard JanMurk en dy namme wie heel fluch ynboargere. Yn de katalogus fan in eardere tentoanstelling yn it Gemeentemuseum Hannemahuis te Harns (1989/1990) skriuwt Huub Mous oer syn libbensrin:

Nei in koart ferbliuw op Skylge en in jiermannich yn Warkum ferfear JanMurk yn 1952 nei Ljouwert. Yn dy tiid, dy't oan 1964 duorje soe, koe er him folslein ûntjaan. Syn earste stee fûn er yn it Keunstsintrum Prinsetún, dêr't er in hoartsje in wente en atelier hie. [...] In tentoanstelling yn dat Keunstsintrum, dêr't in op grut formaat skildere Mariafiguer opfoel, wie oanlieding foar syn earste opdracht. Der soene noch in soad bykomme. Mar ek mei it frije wurk hie er súkses. [...] Stúdzjereizen nei Noarwegen, de Pyreneeën, de Dolomiten, Venetië en Parys joegen gâns yndrukken dy't yn sketsen en

Trotwaer. Jaargang 32 96

tekeningen ferwurke waarden. JanMurk sette him yn 1964 yn Harns nei wenjen: dêr soe er 22 jier wenje en wurkje. De flugge ûntjouwings fan de sechstiger jierren yn 'e keunst hiene gjin ynfloed op syn wurk. Mar dat betsjutte net dat er gjin each hie foar foar fernijing of him distansjearre fan in nije generaasje. Krektoarsom, jonge keunstner waarden wakker troch him oanmoedige en koene altyd rekkenje op in belangeleas advys. It keunstklimaat feroare yn de santiger jierren, benammen troch de tanimmende ymmigraasje fan artistyk talint út it westen wei. It wurk fan JanMurk is in foarbyld fan it wurk fan de âldere generaasje, wurk dat yn in ekspresjonistyske tradysje sterk oan Fryslân bûn bleau. Troch it ferhúzjen nei Furdgum yn 1986 einiget de Harnzer tiid.

Oer styl

‘Dêr haw ik nea sa oer neitocht. Ik wurkje wakker op it gefoel. Moatst as byldhouwer, skilder of glesker it eigen wezen fêstlizze kinne, oars wurdt it in deade boel. It wêzentlike doel út dysels wei is de draachkrêft fan de kreativiteit. Lang lyn makke ik in soad nei. Us heit hie in abonnemint op it tydskrift Licht. Dêrút skildere ik in soad nei, om it plezier, gewoan omdat ik skilderje woe. Pieter de Hoogh, Hendrickje Stoffels, it skilderij dêr't sy foar Rembrandt de rôk omheech docht. Dy haw ik hierskerp skildere. In soad dêrfan joech ik wei. Myn ferve kocht ik by fervewinkel Tjallema yn Snits. De eigneres rette my de skilderijen yn de etalaazje te setten. Dat wie yn 'e oarloch. Se wiene samar fuort en fan de opbringst koe ik wer ferve keapje. Ik skildere eins alle dagen bûten, ik wenne doe hast in jier yn Utert, en ferkocht skilderijen foar fjirtich of sechstich gûne. Dat wie doe in soad jild. Ik hie wat betocht om twa dweiltrochwiete skilderijen meinimme te kinnen nei myn souderkeammerke yn de Staalstraat. Ik koe wurk krije as kitschskilder, mei in fêst ynkommen en provisy. Doe hie ik les fan Tjomme de Vries en dy griep yn mei de wurden: it is no dyn gouden oere, do moatst fan 'e strjitte ôf! Dêrnei kaam in perioade fan grutte earmoed, dat wiene drege tiden. Mar ik haw sels foar dit libben keazen, ik kin dat net op in oar skowe. Echt ûngelokkich haw ik der nea troch west, ik wit wa't ik bin en wat ik kin. Ik bin in optimistysk minske, in bliermoedich minske. Ik bin gjin fernijer yn 'e keunst, gewoan mar ien fan de miljoenen skilders op ierde. It hat neat te betsjutten. Bist neat mear as in part fan in grut geheel. De ympresjonisten fûnen in wêzentlike foarm en in wêzentlike oandwaning njonken it “gewoane” ljocht. Tanksij it útfinen fan de tube koene dy de natuer yngean om te skilderjen, en ûntdieken se it echte ljocht. De winst fan de Cobra-skilders is dat de ferve by harren in eigen elemint waard, sy gongen it gefjocht mei it materiaal oan. Eltse ieu binne it mar in pear dy't fernijende spoaren lizze. Picasso, Chagall, Pollock om mar in pear te neamen. Dy diene dat. Sy brochten fernijing yn it byld fan de keunst. Sy hawwe neibauwers krigen. Meisty troch harren ynspirearje litte, en dat doch ik noch altyd. Mar do moatst it op dyn eigen wize ferwurkje. De basis fan alle keunstuterings is it harkjen nei dysels en de oar, wêrtroch beide gearrane.’

Trotwaer. Jaargang 32 Oer monumintale keunst

‘It begjin fan in opdracht is it dreechst, it romtelik oanfielen. Romte is wakker belangryk. De arsjitekt bepaalt de romte. Nei in opdracht ik earst altyd in pear oere yn dy romte sitten om mei in sketsboekje de romte ôf te taasten, as it

Trotwaer. Jaargang 32 97

JanMurk ein-foarich jier yn syn atelier yn Furdgum oan 't wurk mei in akrylaatpaneel foar it stiltesintrum op Schiphol. (Ut: Pieter M.G. Exter e.a., JanMurk ‘in wide bôge’, een halve eeuw kunstenaarschap; foto W.F. Proost)

Trotwaer. Jaargang 32 98 kin. It wurk mei gjin etiket op de romte wêze. Meist it wol in besterking fan de romte neame. Ja, ik bin in ambachtsman, dat wurd sprekt my mear oan as al dy ferheven keunstpraatsjes! Fakman, ambachtsman, tûzenpoat, ja dat bin ik wol. It is begongen doe't ik grutte panelen makke mei de mjitte fan in doar. In grutte Mariafiguer yn waaksoalje waard yn 'e Prinsetún útstald. Dat wie it begjin fan de opdrachten. De earste opdracht wie foar in húshâldskoalle, dy woene glêsrútsjes. Nee, ik haw der nea foar leard, ik diè it gewoan. Ik haw in grut tsjerkerút yn Sappemear makke. By technysk betûfte minsken fan in gleskersbedriuw yn Grins haw ik myn ljocht opstutsen. Ja, dêr wie wol moed foar nedich. Ik bin ek samar mei houtplastiken begongen. Ien fan de earste opdrachten wie it houtplastyk by de Fiskfeiling yn Harns. Ien prosint fan de boupriis wie yn dy tiid foar keunst frijmakke, en se kamen gewoan by my del. It hat in groeiproses west. Foar de koperen fûgel is seishûndert kilo koper brûkt. It is it iennige wurk dêr't in útfierder by helpe moast. Ik haw earst in ûntwerp yn karton makke. Wy wurken mei platen koper fan sa'n twa meter lang, dy't wy mei in dékûpearseage bewurken. De losse stikken waarden stik foar stik set. It bûgjen moast ik fansels allinne dwaan. Trije moanne lang haw ik dêr alle dagen oan arbeide en doe wie it safier klear. De fûgel soe in plak op in peal fan trije meter boppe en fjouwer meter ûnder de grûn krije. Mar earst moast er yn 'e wurkpleats op 'e grûn delset wurde; oant dat momint hong er oan in keatling. De grutte fraach wie wat it ding dwaan soe, soe it falle? Hy trille justjes en bleau doe op syn eigen gewicht op in kante meter stean! Seishûndert kilo koper! Dat wie in bjustere ûnderfining. Mei de tiid moat er noch grien wurde. Ik hoopje dat ik dat noch belibje. It leafst doch ik de muorreskildering. Dat is prachtwurk! Moatst nea it gefoel hawwe dat it sa geweldich is watst dochst, nea foaropsette dat it goed wurdt. Sok tinken is ferkeard. It giet om it materiaal en om it ambacht.’

Oer waaksoalje

‘Yn de fyftiger jierren hie 'k gjin jild om materiaal te keapjen. By in fervewinkel yn Ljouwert seach ik ynienen it kryt fan Caran d'Ache. “Waxoil” stie derop. Ferhip, tocht ik, dat kin ik oplosse mei terpentyn. Myn need twong dêrta, mar ik sjoch it hieltyd mear as in folweardich middel, net as in needoplossing. Ik brûk it noch altyd. Dat oaren dat net dogge hat my altyd fernuvere. It produkt is foar hûndert prosint folweardich en kleurecht. Dingen fan mear as tritich jier âld sjogge derút as wiene se juster makke. Ik meitsje der grutte panelen mei, it is wakker moai wurk. Panelen fan twa-en-in-heale meter heech is dochs heel wat oars as op doek skilderje. It foldocht oan it ferlet om in rút of in muorreskildering te meitsjen. It rekket oan it monumintale gefoel.’

Oer de bôge

Trotwaer. Jaargang 32 ‘Op tekeningen is de bôge der al fan 1951 ôf, op skilderijen sûnt 1974. Ik bin altyd dwaande mei de romte en de ierde. Doe't ik in jonge fan fyftjin wie krige ik samar in ûnbidich leech gefoel, as betocht ik mar fan alles, dat der neat wie, dat ik sels net bestie. Ut dat gefoel wei bin ik wekker wurden, mar dêrnei wie der altyd dat kosmysk fielen. Ik bin bang dat soks wat oerdreaun heart, mar sa is it wòl. Ierde foar planeet oer, ljocht foaroer tsjusterte. Ljochtsjende ierde, tsjusterte yn de kosmos. Miskien haw ik dêr te folle oer skildere, lykwols, Picasso skildere ek gauris deselde ûnderwerpen.

Trotwaer. Jaargang 32 99

De minske giet oer de ierde, mar kiest de romte. It Ikarustema hat my yn 'e besnijing. Ikarus en syn heit binne ballingen op in eilân. De soan krijt it idee om himsels wjukken oan te mjitten en fuort te fleanen. De heit seit: nee jonge, dat kin net, dy wjukken hâlde net! Dochs bout Ikarus dy wjukken en de waaks, dêr't se mei fêstsitte, raant. Ik fyn dat dit ferhaal in wier ynhâldlike betsjutting hat en dêrom skilderje ik it. Wat wy oan romtefeart en ûndersyk nei de romte dogge sil faaks wol troch ús kreativiteit en foarútgong komme, mar wy hearre op dizze planeet. Wat wy ek dogge, wy miterje as in Ikarus op 'e ierde werom!’

Oer kleur

‘Ik lit my noch wolris troch blau liede. Dat hat altyd sa west. It is in kleur dêr't jo it romtelik fielen better mei stal jaan kinne. Ik striid dêr wolris tsjin... dan haw ik ferve op it palet... en besykje mei sin in oare kleur te kiezen... mar dochs nim ik blau. It spilet in grutte rol. Der wiene resinsjes dy't my ferwieten dat it te bot oanwêzich wie. Dat haw ik my foarhinne wol oanlutsen. Troch it wurk waard my dúdlik dat ik dêr gjin noed oer hawwe moast. Chagall hat ek hast allinne mar blau brûkt. Blau is de djippe ûndertoan yn myn skilderijen. Earder naam ik it mear suvere, net mongen blau út in tube, miskien mei in bewyske wyt. No nim ik net inkeld donker- of ljochtblau, mar mongen blau, net allinne prusysk blau, ultramaryn of kobaltblau. Gauris nim ik twa of trije blauwen om in nij soart blau te meitsjen. Ik doch der sels wolris wat read by. Of ik nim in beskate blauwe kleur, lit dy yndroegje en beglânzgje it dêrnei mei donkerblau. Dan skimeret it ljochte blau troch it donkere hinne. Ut harsels binne dat trochskinende kleuren. Dan krijst dy moaie effekten. Ik hâld ek fan gele oker, it is in moaie ierdekleur, hoewol't ik it minder brûk as eartiids. No doch ik der chromaatgeel trochhinne. Read is net aardich. Foarhinne brûkte ik it hast net, de lêste tiid wat mear. Wêrom? Efterôf is it miskien maklik om dêr wat fan te sizzen, mar moatst der gjin ferlechje by optinke. Nimmen is om moaie ferhalen ferlegen... Lit my neitinke. Read is technysk sjoen in lestige kleur. Ast it moai skilderje wolst moatst earst in wite ûndergrûn meitsje. Ast oer in oare kleur hinne skilderest, slacht it sterke fan it read de oare kleur stikken. Ast moaie kleuren meitsje wolst, dyn eigen hânskrift, moatst gjin fabrikaazjekleuren nimme, mar sels minge.’

Oer it iepen krús

‘Dat is karakteristyk foar my. Fjouwer jier lyn krige ik de opdracht om in krús yn in âld tsjerkje yn Ealsum te meitsjen. Yn in tichtmitsele rút woene se it krús hawwe. Ik wist daliks wat ik dwaan moast. It wie yn in âld preesterkoarke, oan de eastkant om it opkommen fan de sinne, de opstanning, de ferrizenis.

Trotwaer. Jaargang 32 Dy tsjerkfâld sei: “Foar in horizontale en in fertikale balke kinne wy ek nei de meubelmakker gean! Wy wolle it wat meijaan.” Fuortendaliks wist ik wat ik dwaan moast. Op grûn fan de kristlike oertsjûging dat wy troch it krús hinne nei it ljocht geane. Der is ljocht as wy stjerre. Miskien sjoch ik dat sa omdat ik it graach wol. Ik haw it krús iepen makke. It hinget wat fan de muorre ôf, moatst it skaad sjen kinne. Sûnt meitsje ik alle krusen sa.’

Oer religy

‘Ik gean net nei tsjerke ta om 'e tsjerke, mar om my op 'e mienskip ta te lizzen. De roomske tsjerke is net beklonken tusken dogma en muorren. De eucharisty hat my der ynmoedich ta oanset om roomsk te wurden. Kinst it alle

Trotwaer. Jaargang 32 100 dagen fiere. It geheim, dat oer de hele wrâld yn deselde hanneling útfierd wurdt, is hast net út te lizzen. Dat hat myn driuwfear west: deselde hanneling. De eucharisty is dat stikje god yn dysels en dat as sadanich sichtber wurdt. It giet my net om de pracht en preal. By de stille mis binne ornaris mar in pear minsken, gesang is der net en it duorret mar tweintich minuten. Dat rekket my it measte. It wurd is it meast minsklike dat foar minsken bestiet. De taal, it wurd, de byldfoarm. Ik bin in prater, mar it swijen fyn ik hieltyd belangriker. De lêste tiid haw ik ôfbyldings fan bûddabylden opsocht en besjoen. Dy stille gesichten, se lykje op inoar, se wurde allegear ien, dat kinst net mei wurden omskriuwe, dêr binne gjin wurden foar.’ Sûnt Galileï en Descartes is it begryp fan in wrâld as in einige, oardere kosmos ferfongen troch dat fan in ûneinige, geometryske romte. En it begryp beweging, as in proses dat op in doel rjochte is, is ferfongen troch dat fan in neutrale tastân. Dy neutrale beweging is yn it hele wurk fan JanMurk sichtber. Sa as hy syn learlingen foarhâldt, dat elts skilderij begjint yn de ûnsichtbere trilling fan de hân, dy't de kwast beethâldt mei dêrop de ferve. It docht jin dan ek net nij dat it wurk fan in keunstner as Jan-Murk, sa oandien troch romte en kosmos, hieltyd yn beweging bliuwt.

(Oersetting Jelle Breuker)

Trotwaer. Jaargang 32 101

Trioel Selsmoard fan in klumnist of omheechstrikeljen is libbensgefaarlik

Doe't ik it meanen fan ús heit learde - ik wie alve miskien tolve, de leeftyd dat er it sels leare moast mei't er foar ien gûne yn 'e wike by in boer kaam te wurkjen yn Achlum (1919) - wie it earste wat er sei: ‘Ast de seine strikelest moatst him skean nei ûnderen hâlde, want ast him rjocht omheech setst bist yn in omsjoch dyn hân, dyn fingers of dyn holle kwyt.’ Dy warskôging skeat my yn 't sin doe't ik de klum ‘Slimme taal en net te domme Friezen’ fan Hylke Tromp lies (LC 14/1/2000). Nei in tige betize earste helte komt de klumnist foar it ljocht mei syn argewaasje: Trotwaer wol himsels opstrikelje om mear lêzers te krijen. De artikels fan redakteur Sjoerd Bottema en meiwurker Eric Hoekstra wurde fertocht makke. De mannen hawwe ‘ferbeelding’ en se brûke tefolle frjemde/slimme/útwrydske wurden. Se binne eins te yntellektualistysk. Dat kinne jo fansels net rjochtút skriuwe. Dat moat humoristysk brocht wurde, want oars kin it sûne folksgefoel der net by. It ienfâldige folk - ‘jim binne wiswier net dom, ik fyn slimme taal ferskriklik, sjoch mar hoe't ik hjir skriuw - wurdt brûkt om Trotwaer in mes tusken de ribben te triuwen. Sterker, mei it brûken fan it tiidwurd ‘omheechstrikelje’ winsket er har selsmoard ta. Op humoristyske wize fansels. Tromp is humorist, tinkt alteast dat er dat is. In humorist gûchelet mei wurden. Hy boartet mei wurden mei't er dûbele en trijedûbele betsjuttingen út har ferbân hellet, sadat der in komysk effekt ûntstiet. In goeie humorist stikelet en strikelet. Guon hawwe dat yn 'e fingers, yn 'e mûle of yn de pinne. Youp van 't Hek is in humorist dy't dat hat. Hy seit de meast freeslike dingen op in wize dy't de minsken komysk fine. Se laitsje har dea om Youp, en om harsels. Youp van 't Hek brûkt spegels, foaral de achterkant. Op it toaniel rôlje de wurden út syn mûle. Yn de krante (alle wiken yn de NRC) skriuwt er op sa'n wize - humoristysk, komysk, iroanysk, sarkastysk - dat de lêzer genietet fan dit boartsjen mei taal. Hy is in master op de koarte baan, mei de mûle en mei de pinne. Hy behearsket de taal oant yn syn fingerseinen. Foar de radio wie Hylke Tromp soms humoristysk. Sprutsen taal wurket wat dat oanbelanget direkt. Jo hearre de wurden, jo sjogge se net. In skriuwende humorist moat folslein oars wurkje. Dat hat foaral te krijen mei de styl, mar ek mei de taalbehearsking en sels mei de taallogika. It net behearskjen fan de taal liedt ta selsmoard. De bedoelde humor fan Tromp wurdt helendal ûndersnijd troch it minne taalgebrûk. Tromp fersûpt yn syn taal. Mei't er himsels omheechskriuwe wol nei it nivo fan in Youp van 't Hek, mar dêrfoar de kapasiteiten net hat, feroaret er yn in omheechstrikelder. De kearnfraach is hjir: wêrom wol Hylke Tromp oergean ta selsmoard? In analyze fan syn tekst jout oan dat dy fraach legitym, pardon, rjochtfeardige is. In stikmannich foarbylden: - De titel: Slimme taal en net te domme Friezen. Dom, mar net tè? Wurdt dommens fuortfage as men der foar leard hat? (It Frysk wurdt in taal foar lju dy't der foar leard ha.)

Trotwaer. Jaargang 32 - Mar in man offrou dy't net les hân hatyn it Frysk, soe dan gjin weet ha fan ús taal. Mar is hjir brûkt as want, der is gjin tsjinstelling mei de foarige sin, earder in reden of oarsaak.

Trotwaer. Jaargang 32 102

- ...sa't er leard hat fan heit en mem. Slacht op it Frysk, dus: ...sa't er it leard hat... - De oast sit him grif by sa'nt dy't sa gek is en smyt tefaak infrjemd wurd troch syn spraak. Simpel bliuwe as faset fan ‘ús folk’? Te faak: út en troch dus tastien? - Ien dy't seit dat skylk it folk te dom is foar it Frysk, dy docht net. Alles wat oars is/tinkt/docht gek ferklearje, en dan opslute. Dat slút presys oan by de folkshumor fan Tromp.

Hylke Tromp is in man fan ‘ús folk’, ienfâldich en ‘net te dom’. Trotwaer moat in soarte fan Strikel wurde, en drege mannen moatte har ûntslach hawwe. Dy tinke tefolle, en lêze boeken. Dat is net goed foar ‘ús folk’. Geef Frysk, muzyk meitsje, laitsje, tink. Dat is genôch foar ús folk. It blêd Frsk is ek neat, want dat brûkt allinnich mar konsonanten. Tromp brûkt beide, de konsonanten en de fokalen, wòl, mar yn syn stikje moatte jo jo echt ôffreegje oft se wol op it goeie plak steane. Mar ja, dat is de humor foar ús folk, en mei't it folk betize is moatte jo fansels ek wat betize skriuwe. En boppedat, lêze docht men dochs al hast net mear. Spitich dat Tromp de radio ferlitten hat. Der hawwe al tefolle skriuwers west dy't al skriuwende harsels tekoart diene. Ien treast foar de man: hy sil foar altiten trochlibje yn de roman Piksjitten op Snyp. En dat kin net elke strikelder sizze.

Josse de Haan

Literatuer en engaazjemint - oer Lolle Nauta en E.B. Folkertsma

1. Bien étonné de se trouver ensemble.

Twa boeken hie ik meinommen op fakânsje en se ûntrûnen inoar net folle. It iene wie in boek fan Fryslâns populêrste esseeïst: Stasjonearre yn Fryslân, essays, besprekken en polemiken, skreaun troch dy foarfjochter fan moderne ideeën Lolle Nauta. Yndie, sa modern dat der neat yn it boek te finen wie dat in moderne yntellektueel argewaasje jaan soe. Lokkigernôch bin ik gjin moderne yntellektueel. It oare wie in boek fan Fryslâns minst populêre esseeïst: Hûs op wyn en brânwacht, in karlêzing út it wurk fan dy foarfjochter fan kristlike ideeën E.B. Folkertsma. Minsken, ik waard teloarsteld: it hast-humanistyske kristendom fan EFB en it hast-kristlike humanisme fan Lolle Nauta liken ynhâldlik al te bot op inoar. Fansels ferskilt de foarm. EBF hat in swiere bibelske pleonastyske styl (‘lieders en foaroanmannen fan 'e Fryske beweging’, ensafuorthinne). Lolle Nauta hat in gelikte moderne styl (‘it fatum fan eltse moderne skriuwer is’, ensafuorthinne). De maatskiplike status fan beide skriuwers is ek tige ûngelyk: EBF wie de provinsjale loser dy't sels net wist hoe't er AOW oanfreegje moast. Lolle Nauta is de suksesfolle kosmopolityske heechlearaar. EBF is de doetiid, hy is ommers ek dea. Lolle Nauta is de notiid en dy libbet noch. Mar se liken al te bot op inoar.

2. Swakken hat Nauta leaver as sterken: keunst as solidariteit

Trotwaer. Jaargang 32 Beide esseeïsten kokettearje mei Dostojevsky, beide wize de swakke plakken yn Piebenga's Omgong en trochtocht oan, beide kinne betûft analysearje, bygelyks Nauta yn syn stik oer Bisten en boargers fan Jo Smit en EBF yn syn

Trotwaer. Jaargang 32 103 stik oer It jubeljier fan Simke Kloosterman. En beide ha deselde fisy op keunst. It útgongspunt fan EBF is ‘Swakken hat de Heare leaver as sterken’ (183). Ut syn hiele wurk sprekt in meilijen mei it swakke Fryslân. Hy ferwyt Kloosterman dat se net genôch begryp foar har net-kristlike karakters hat, dejingen dy't de slach oan 'e ein fan It jubeljier ferlieze sille. Lolle Nauta fynt it sa goed fan Dostojevsky, ek al wie dy kristen, dat er safolle begryp foar syn net-kristlike karakters hat. De kristlike foarmjouwing fan it humanistysk ideaal fan EBF hat it lykwols ferlern fan de humanistyske en dy litte we dêrom gewurde. De gelikensen fan Lolle Nauta binne baas yn 'e moderne wrâld en skriuwe de kranten fol. Hokker fisy op keunst is de basis fan har krewearjen? Ik sil no sjen litte dat Nauta, krekt lykas EBF, swakkens idealisearret (Nauta brûkt it wurd ûnmacht). It idealisearjen fan ûnmacht is it keunstsinnich ideaal fan Nauta, sa't er de lêzer op siden 44-45 fan Stasjonearre yn Fryslân te witen docht. De kontekst is in diskusje oer engaazjemint. Oars as Sartre skrillet Nauta der foar werom om fan in keunstner engaazjemint, solidariteit mei de ferdrukten, te easkjen. Sa'n eask soe ommers frijwat tirannyk oerkomme, en soks is net fan ús tiid. Dan komt in fantastyske searje trúks om deselde eask fan solidariteit mei ferdrukten fia de achterdoar wer binnen te heljen. Dat giet sa. Earst seit Nauta dat it tsjinoerstelde, keunst út solidariteit mei ferdrukkers, net bestiet. ‘It is ûnfoarstelber, dat in keunstner hjoed de dei partij kieze soe tsjin de ferdrukten en foar de ferdrukkers. Sadree't er dat docht, is er gjin keunstner mear,...’. Mei oare wurden, de keunstner wurdt oan 'e iene kant gjin solidariteit mei ûnderdrukten oplein, mar as er foar de oare partij kiest, is er gjin keunstner mear. Yn 'e praktyk betsjut dit gewoanwei dat de eask fan solidariteit oplein wurdt, mar it mei net hurdop sein wurde want dat liket sa tirannyk. Mar yn alle earlikens, wat hat keunst eins te krijen mei ‘solidariteit mei ûnderdrukkers’ of ‘solidariteit mei ûnderdrukten’? As we genietsje fan moaie muzyk, binne we dan solidêr mei ûnderdrukkers of ûnderdrukten? Binne we solidêr mei ûnderdrukkers of ûnderdrukten, as we genietsje fan spannende literêre wurken lykas Moeder en Zoon, ‘De skriuwer foar it doarpsbelang’, Tobias en de Dood of Felix Krull? Neffens Nauta sjocht elkenien yn ‘dat yn dizze tiid de grutte keunstner him altyd ynset foar de minske dy't lijt’. Dêr wurdt er ta twongen, troch himsels. Meilijen soe syn boarne fan ynspiraasje wêze, of wol, solidariteit mei de ûnderdrukten. Mar keunst kin likegoed syn oarsprong fine yn bewûndering, lilkens en ferachting. Nim it ‘Hooglied’. Dat is net ynspirearre troch meilijen mei de minske dy't lijt mar troch bewûndering foar de minske dy't genietet. Itselde jildt ek foar in protte lyryske poëzy. Nim de Max Havelaar. Hoefolle lilkens sit dêr net yn, lilkens tsjin de autoriteiten dy't de ambysjes fan Havelaar dwersbongelje. Nim it wurk fan Riemersma, in seldsume kombinaasje fan oergeunst, wredens en ferachting, mei, tajûn, hjir en dêr in sparkje meilijen mei swakken, en fral, selsmeilijen. Keunst kin oare boarnen ha as inkel meilijen mei de minske dy't lijt. Nauta wol dus gewoanwei in diktatuer fan it meilijen oplizze, faaks omdat meilijen modieus is of omdat it syn eigen dominante emoasje is: meilijen mei de swakken. Dy psychologyske need wurdt it djoere wurd ‘engaazjemint’ taskikt, en dat wurdt dan de iennichste mjitstêf foar keunst makke. De kritikus hat neffens Nauta ‘...yn it foarste plak oan de eask fan it engaazjemint te foldwaan. Foar safier't it in li-

Trotwaer. Jaargang 32 104 terêr kritikus giet om estetyske kwestjes of saneamde literêre “wearden”, ferkundiget er inkeld en allinne de beheinde belangen fan in groep.’ Mar ek Lolle Nauta en oare solidariteitssjongers ferkundigje simpelwei de belangen fan in beheinde groep en besykje fia dy groep har fisy op keunst op te lizzen oan oarstinkenden en oarsfielenden. Yn 'e yntellektuële arena is men fral solidêr mei jins eigen ideeën, net mei dy fan je tsjinstanner.

3. Keunst as Wille zur Macht

In oar ôfkreakje, goed, mar der dan al wat tsjinoer stelle. In adekwatere fisy op keunst wurdt neffens my jûn troch Nietzsche (dy't Nauta ek wolris sitearret, dat wol sizze Nauta Nietzsche, net oarsom). Nim it neikommende fragmint út Nietzsche syn Götzendämmerung (Streifzüge eines Unzeitgemässen, 24): ‘Ein Psycholog fragt dagegen: was thut alle Kunst? lobt sie nicht? verherrlicht sie nicht? wählt sie nicht aus? zieht sie nicht hervor? Mit dem Allen stärkt oder schwächt sie gewisse Werthschätzungen.’ Ja, keunst sterket of lunet beskate wearden. Wat Nauta wol is keunst dy't it meilijen ferhearliket. Dat allinne mei keunst wêze. Dêrút sprekt syn Wille zur Macht. De yntellektueel wol winne yn de arena fan de ideeën. Reedlikheid is in regel, it argumint in wapen. Wat alle keunst lykwols gemien hat is net de ferhearliking fan it lijen fan de swakke en fan it eigen opkommen dêrfoar, nee, wat alle keunst gemien hat is dat der wat ferhearlike wurdt, in stelsel fan noarmen en wearden. Dat kin eksplisyt lykas by Sartre, of ymplisyt troch de tsjinoerstelde wearden ôf te kreakjen. It ferhearlikjen sels docht him oan de keunstsinnige konsumint foar as... wille, skientme, macht. As ik Augustinus of Nauta of Folkertsma of Mao lês, dan ferachtsje ik de ideeën mar ik ha wille fan it hillich fjoer dêr't dy ideeën mei nei foaren brocht wurde. En sa ha ik ek wille fan de sparkeljende skriuwstyl fan Lolle Nauta, wylst ik syn ideeën oer wat keunst wêze moat... ferachtsje. Eric Hoekstra

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant achterplat

Meiwurkers

Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 it Hollânsktalige ferhalebondeltsje De kristallen stad, mar skriuwt sûnt in pear jier leaver yn it Frysk. Henriëtte Bollée (1946) woont in Tytsjerk. Vertaalt Tibetaans-boeddhistische teksten in het Nederlands en Engels. Ontwerpt en voert ze uit in authentiek Tibetaanse boekvorm. Schreef drie romans, maar weet (nog) niet of ze de moed en de lust heeft om daarmee te leuren bij uitgevers. Joop Boomsma (1945), learaar Nederlânsk oan in fierste grutte skoallemienskip yn Ljouwert. Publisearret yn 't Frysk (yn alle mooglike rubriken) sûnt 1968, mar it ourûne desennium benammen as misdiedauteur. Wennet yn Menaam. Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. Eeltsje Hettinga wenne(t) yn Los Angelos en wurket as freelance sjoernalist. Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket by de Fryske Akademy. Is dwaande Nietsche syn Also sprach Zarathustra yn it Frysk oer te setten. Fan him ferskynden Dat zijn nou typisch Friezen (1998) en koartlyn De floeibere bân (fersen). Is ferbûn oan M3. Frysk Literêr Blêd foar it Tredde Milennium. Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. Lolle Nauta (1929) studearre filosofy en sosjology, wie heechlearaar filosofy yn Grins en Lusaka (Zambia). Is hjoed de dei aktyf as polityk filosoof en essayist. Wie in de jierren sechtich redakteur fan De Tsjerne en fan it Literair Kwartier fan de Regionale Omroep Noord en Oost. De stikken út dy tiid binne bondele yn Stasjonearre yn Fryslân (1999). Yn it febrewaarjenûmer fan De Gids ferskynde fan him it essay ‘Schaduwen van de moderniteit’. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFÛK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. Jabik Veenbaas (1959) studearre lngelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje.

Trotwaer. Jaargang 32 (Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant voorplat

[Nummer 3]

Kommende nûmers Yn it maaienûmer û.o. fersen fan Harmen Wind, in ferhaal fan Ulke Brolsma en in skôging fan Jabik Veenbaas oer it proaza fan Durk van der Ploeg. Yn juny in spesjaal nûmer oer Simmer 2000. By dit nûmer alfêst in folder oer it ‘Pylgerprojekt’ fan it Frysk Festival.

Trotwaer. Jaargang 32 105

Altyd wat! Tr. Riemersma

Ferlettefoldoggers

Yn De Noasdrip, húsorgaan fan it Skriuwersboun, seit Koop Scholten: ‘Sa'n lêzer wol lêze, boeken sonder yngewikkeldheden, flot ferteld, mei in skepfol spanning, in rûske romantyk en in snúfke - oannimlike - seks. Leafst foar in konkurrearjend pryske. Oan dat ferlet moat foldien wurde.’ Wêrom is dat sa? As ik mei it baarnende ferlet omrin om by myn buorlju troch de brievebus te migen, ropt Koop dan ek grutmoedich: Oan dat ferlet moat foldien wurde!? Mar lit ús earst sjen hokker lêzer Koop winliken op it each hat. Hy hat it earder oer ‘De doelgroep fan sljochtweihinne Frysk-lêzers’ en oer ‘It Fryske lêzerspublyk’. Dat binne net bjuster ferhelderjende oantsjuttingen. As Koop fan ‘It Fryske lêzerspublyk’ beweart dat it him net om dit en dat bekroadet, is er grif mis. Hy hie skriuwe moatten: net it hele Fryske lêzerspublyk bekroadet him om alles. Ungemurken wei liket Koop wat er earst noch oantsjut as de ‘doelgroep fan sljochtweihinne Frysk-lêzers’ fuortdernei mar lyk te slaan mei it hele Fryske lêzerspublyk. Wat net in sljochtweihinne lêzer is en gjin sljochtweihinne literêre easken ûntwikkelt, fâlt by Koop bûten de boat, is in quantité négligeable. Dat is gjin nij stânpunt. Yn 'e tritiger jierren stienen de faksistyske folk-yn-'e-kont-krûpers in folkske (ja, Postma) literatuer foar en de KFFB leit al fyftich jier krûm foar in folksaardige literatuer. Neist dat ferskil folksk/folksaardich binne oare ûnderskiedingen: de foaroanmannen yn 'e tritiger jierren woenen de ‘hege’ literatuer yn 'e groppe rêgje en de folkske literatuer op 'e troan sette. Sa heech hawwe de KFFB-ers it ornaris net yn 'e plasse hân, sy earbiedigen - alteast mei de mûle - de hege literatuer. In oare ûnderskieding is, dat der oars as yn 'e tritiger jierren gjin ‘grutte figueren’ oan it folkske/folksaardige gedoch meidienen. Sûnt 1945 hat de literatuer him mear en mear rjochte op de streamingen yn West-Jeropa en de KFFB is akseptearre as in grif needsaaklik kwea. Allegear dus schon dagewesen en neat nijs. Of it moat wêze dat it pleit foar it foldwaan fan sljochtweihinne ferletten fierd wurdt yn it ‘húsorgaan’ fan it Skriuwersboun. Binne de leden fan it Skriuwersboun ferlettefoldoggers fan it lamliddige lêzerspublyk? Dan sit ik ferdomd foar de tredde kear by de ferkearde klub! Ik tocht dat it by it Skriuwersboun gyng om de behertiging fan 'e literêre belangen fan syn leden en net om lêsbefoardering fan it kloatsjefolk. It giet fansels net om ‘sljochtweihinne Frysk-lêzers’. Dat is in misliedend eufemisme. It giet om normale minsken mei in normale yntelliginsje dy't de krante lêze, NOVA folgje, yn ferieningen en organisaasjes meidraaie, mar dy't sadree't se in boek lêze - net allinnich in Fryskenien - it ferdomme om har yn te spannen en in folslein passive hâlding oannimme: skriuwer, besykje my mar te fermeitsjen, ik sels stek gjin yntellektuele poat út. Wa't oan 'e ferletten fan sokke luie soademiters foldwaan wol, moat syn gong gean. Om my it hele Skriuwersboun. Mar warskôgje my dan even.

Trotwaer. Jaargang 32 106

Wilco Berga

Liet fan in haven

Der rint in strekdaam fan ús tinzen fier de see yn, wy sjogge nei it skip dat lytser wurdt. Fan hjir út kinst it eilân sjen, twa oerkes farren, weagjend efter glês; sa lang giet men op streamen fan ûnwissens, ûnbalâns - de kime gjin hâldfêst, en sels de sinne kin men net op oan.

Wy ite wat by de Sinees dy't syn karakters yn it havenwetter spegelet, lykas juster op it eilân, dêr't wy by de fjoertoer ieten, efter glês; men seach de fûgels op 'e wyn, elk yn gedachten op it skip dat lytser waard, fan dêr út wie it lân te sjen, en dizze stêd koe men suver rikke.

Lit ús de tafel nimme dêr't wy sicht ha op it wetter, each yn each, lit ús fisk ite, wyn as wetter drinke, mar wysels moai efter glês wannear't de dei ferdwynt mei 't ôfgeand tij. As skippen yn 'e nacht weisinke, sjogge wy ússels yn 't rút, wy beide oan 'e mul ta yn 'e haven, alles farrend.

Trotwaer. Jaargang 32 107

Liet fan in sleat

Om de safolle meter stiet er stil en bucht foaroer, lyts, it jak allike skier as de reager fierderop, de eagen boarje yn it troebel wetter, sykje yn it wâld fan wier, út en troch sjocht er omheech, de loft dy't oan 'e kime ta sa griis is as syn learzens.

Hy hat leard dat hjir in see lei, mar gjin boat te sjen, de sleatten wiene letter groeven, mar hy sjocht gjin boukeet of masines. Salamanders, kikkertfiskjes doarmje as in fleantúch troch lûdleazens, sykje dekking yn it fine tek fan kamûflaazjeplanten.

En hy wit: hjir is in lyk fûn, in piloat, de klean blaugriis, lykas de wolkens kaam dy op in dei oer see. It stikje parasjute hat er alle dagen yn 'e bûse; pas nei twaenfyftich jier sjocht er omheech, in lytse swel dy't yn 'e storein hastich oplûkt, dan wer dûkt en dûkt.

Trotwaer. Jaargang 32 108

Liet fan in winkelfaam

Mei rûne rêch stean se te gnizen, twa fammen, de hân as kape tsjin it wang. Se skrikke op myn lûd, ik bin de lompe mei it boadskip,

men wol moedich wêze yn dy eagen, blau, djipbrún, dy't har betrape fiele; ien flechtet, wylst de oar de wimpers delslacht, fluch as swellewjukken.

De fine hannen piele doelleas mei papier om, strike tearen triljend glêd, of is it de geheime gleonens fan har readkatoenen skurte,

ik keapje, sy ferkeapet, mar ús tinken is ferflein, wy reitsje elkoar oan mei lytsjild, hân op hân, en ûnbeskamsum stjit it laad har yn 'e lea,

wy streakje elkoar de hûd mei wurden, wy ferpakke it momint yn sêft kadopapier, oan it lêst ta stelle wy it út, wat men keapet, wat men kriget.

Trotwaer. Jaargang 32 109

De oarlochsstikjes fan frou Rienks Freark Dam

Yn de goed oardel jiergong dy't it wykblêd Sljucht en Rjucht ûnder har redaksjonele lieding noch te gean hie, hat Durkje Rienks-Wallinga fan maaie 1940 ôf moedich en beret bliken jûn fan har wjersin yn de Dútske besetters en harren ideology. Fansels moast har krityk hoeden brocht wurde, mar binnen dy beheining hat hja der foar stien. Har wyklikse kommentaarkes ûnder it rubryks kopke ‘Jo en ik’ wienen net foar twadderlei útlis fetber. Hja wist der ek gauris in nijsgjirrige persoanlike foarm foar te finen, dy't tsjûge fan har sjoernalistyk talint. Wol spitich dat hja har op dat mêd nei de befrijing net fierder ûntjûn hat. Sljucht en Rjucht, ein 1941 lykas de measte oare Fryske periodiken op lêst fan de besetter ferbean, is nei de oarloch net weromkomd mar opgien yn it nije Frysk en Frij. Frou Rienks hat noch wol efkes diel útmakke fan de redaksje fan it wol wer opstiene moanneblêd It Heitelân, mar dêr hat hja mar in byrol yn spile. Hawar, yn har lang libben (1902-1998) hat hja lykas bekend nea stilsitten as it gie om it útdragen en ferdigenjen fan har idealen yn wurd en died. In sprekkend foarbyld fan in eigen ynfalshoeke yn har krityske kommentaren biedt ús it stikje yn ‘Jo en ik’ fan 29 juny 1940. Lykas har grutte kollega Hindrik Algra yn dy snuorje yn syn Friesch Dagblad mei fjoer pleite foar in nije printinge fan It Jubeljier, de orangistyske roman fan Simke Kloosterman, sa wist frou Rienks út in oar boek fan deselde skriuwster, De Hoara's fan Hastings, in foarbyld te heljen fan ien dy't, troch in oermachtige fijân knoeid en fernedere, lykwols stânfêst de ‘geunsten’ wegeret dy't syn eardere nytger him oanbiedt. Frou Rienks doelt yn har tapassing fansels op de posysje fan in troch Dútslân besette Nederlân:

Beseffe wy wol, hoefolle karakter in lytsen hawwe moat om de salve net oan te nimmen dy't in grutten op syn smertlapen strike wol, nei't hy him tramtearre hat?

Yn oktober fan datselde earste besettingsjier komt de fijân ek fanwegen mei de Winterhulp

Durkje Rienks-Wallinga nei de oarloch (foto argyf FLMD/Bas den Oudsten)

Trotwaer. Jaargang 32 110

Nederland. Alhiel neffens it twingend mal fan de Winterhilfe sil hjir no fan boppen ôf oplein wurde hoe't de Nederlanners harren plicht tsjinoer har minder bedielde neisten nei te kommen hawwe. Lês hoe fyntsjes de rubrykskriuwster yn har ‘Jo en ik’ fan 30 novimber 1940 dêr tsjin opkomt:

Yn Dútsklân hawwe se al gâns ûnderfining mei de ‘Winterhilfe’. It soe lyts wêze dêr net fan leare te wollen, mar it moat ek doel ha. Sa't in Dútske frou breidet handiget ús froulju b.g. net. Op ús eigen wize lykwols hawwe wy like fluch in priem út en it resultaat is itselde. Wat in gebroddel, argewaasje en tiidferlies soe it jaan, as wy no stafen-af Dútsk breidzjen leare moasten. As wy dêrom it ien of oar op ús eigen fertroude wize opknappe kinne, is der gjin reden om net yn deselde wei fuort te farren. Ik leau, dat dêr wol wat mear om tocht wurde kinne mei.

Lju mei niget oan de eartiids ‘foute’ kant fan it Fryske literêre libben kin ik frou Rienks har kommentaar op bygelyks de útrikking fan de Harmen Sytstra-priis oan Reinder Brolsma en wat dêrmei mank wie fan herten oanrikkemandearje. Oer de taspraken by dy plechtichheid is hja min te sprekken: Wêrom moast it Fryslân fan fóar 1940 sa leechlein wurde? Hja moat har pleatsferfangend skamme hawwe, meitsje ik op út har ‘Jo en ik’ fan 18 novimber 1941:

My tinkt, op dizze dei, dy't dochs in feestdei hjitte te wezen, waard tefolle it near op Fryslân lein, sa fan prof. Kapteyn, as fan de hear Kiestra, benammen yn dy syn artikel yn it Brolsmanûmer [...] Is soks earber, jin heal út te klaaien dêr't frjemd by sit?

Ien dy't ynearsten mei swiete praatsje sit folk foar it nazisme besocht te winnen wie de troch Hitler hjir oanstelde Reichskommissar Seyss-Inquart. Noch mar amper oan de macht hâlde er in blomrike rede û.o. oer ‘lokkige memmen fan grutte húshâldingen’, om dêroan de winsk te ferbinen dat ek foar de Nederlânske fammensbern sa'n lok ienris weilein wêze soe. De grize moat frou Rienks oer de grouwe gien wêze, sa feegde hja deryn yn ‘Jo en ik’ fan 8 juny 1941:

De winsk hâldt noch al wat yn foar dizze tiden, al binne ús famkes fuort net sa fier. As der wat fan op 'e hispel komme sil, sil it lûd fan de frou as mem opklinke moatte. Oars soe it ek nochris sa beteare kinne, dat hja it lok allinne yn 'e gruttens fan 'e húshâlding fine en har beleaven net ôffreegje moat ta hokker doel dat skielk brûkt wurde sil.

By wize fan útsetter in fûl protest tsjin de rassewaan fan de nazi's. Frou Rienks lies earne yn in reportaazje oer ‘Praach by jûntiid’ dizze mislike karakteristyk fan ‘de Slaven’: ‘de kleau dy't der bestiet tusken Noarderlingen en Slaven hat de kastlein likegoed besef fan as wy. En hy hâldt en draacht him dêrneffens, net as kastlein, mar as tsjinstbere’.... Mei ynhâlden irony mar ûnferbidlik jout hja op 22 febrewaris 1941 de nazi-reporter syn fet:

Trotwaer. Jaargang 32 Dêr wurdt men as Noarderling dochs effen oars fan, fan dy kleau. Sa op 't stuoltsje set te wurden komt jin alle dagen net oer. Wat kin in pod*) him al opblieze! Jan Hus, wie dat ek net in Tsjech? Ut klearebare slaafskens is dy fêst yn 1415 de marteldea stoarn. Comenius, de ferneamde grûnlizzer fan de moderne opfiedkunde, is grif ek om syn ûnderdienigens yn 1620 út it lân weiband, om Masaryk mar net te neamen. Tolstoi, Dostojevsky, Toergenjef, Russen, mar yn grutter ferbân ek Slaven. Hawar, de ferslachjouwer hat mûlk, doe't hy oan it skriuwen ta wie, wat dwyl yn 'e holle west, dat komt mear minsken oer yn dizze gryptiid.

In mennich kanttekeningen ta beslút: o Gjalt Zondergeld hie gelyk, doe't er yn syn dissertaasje De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen (1978)

Trotwaer. Jaargang 32 111

fêststelde, frou Rienks hat yn Sljucht en Rjucht ‘op niet mis te verstane wijze tegen de bezetters en hun vrienden stelling genomen’. o Soe it de gemeente Ljouwert net te priizgjen stean as hja dizze markante ja unike frou earje soe mei in strjitnamme yn de haadstêd? o Der wurdt wolris wat lakerich dien as ‘it huodsje fan frou Rienks’ te praat komt. Us past tinkt my mar ien ding: pet ôf! o Hoe't op syn wize de klassikus dr Willem Kok (1903-1969) as ‘Koarstekoekebakker’ yn it KFS-wykblêd De Stim fan Fryslân de besetters destiids wist te stikeljen soe ek noch wolris opikkere wurde meie.

Eindnoten:

*) Ik hoopje nochris út te finen wa't dy ‘pod’ wie.

De Ljouwerter binnenstêd omheech? (8)

De grêft is de grins

It probleem fan de heechbou yn Ljouwert is net dy Achmea-toer fan 113 m. De Avéro-toer dêr koartby is mei syn 75 m dochs al troch de ‘hichtebarriêre’ hinne. It probleem is it nije haadkantoar fan 50 meter dat de Friesland Bank oan de Willemskaai delsette wol. Guon gemeenteriedsleden wolle dat allinne tastean as it ûntwerp moai yn it stedsbyld past. Mar wat makket in stêd yn boukundich opsicht moai? Dat hinget net ôf fan de gebouwen op harsels. Elke stêd hat wol in tal ymposante en moaie gebouwen. By de skientme fan in stêd giet it nei myn idee om de gearhing tusken dy gebouwen, om it gefoel fan balâns en ienheid dat al dy gebouwen by elkoar oproppe, en binnen dy balâns soms ek om spannende kontrasten of om moaie sichtlinen. It giet om de herhelling fan foarmetaal, deselde prinsipes dy't ek yn de poëzij wurkje. Dat is op in soad plakken yn Ljouwert waar te nimmen. Nim no de Willemskaai, noardkant en súdkant. Machtichmoai! Wa't dat sjen wol noegje ik út om mei my op de Prins Hendrikbrêge stean te gean; it is sneintemoarn, dus hjoed gjin 1300 bussen per dei op 'e dyk of oar drok ferkear dat ús fan 'e sokken rydt. Mei it gesicht nei it stasjon leit oan ús rjochterhân (nei it westen) it begjin fan Ljouwert-Manhattan mei Avéro en FBTO. Heechbou, spegelglês, read, blau, wyt, swart en griis. Mar de ferskillende gebouwen dêre foarmje in harmonieuze ienheid, omdat se allegearre begevele binne mei fjouwerkanten. Op 'e hoeke mei de Sophialeane leit it fûnemint foar de Achmea-toer. It is min foar eagen te krijen hoe't dy oer twa jier omheechrize sil, mar ien ding is wis: it wurdt ek in komposysje yn fjouwerkanten. Oan de oare kant fan it brede wetter is de geve gevelwand fan de njog-

Trotwaer. Jaargang 32 112 gentjinde-ieuske bebouwing, op guon plakken ferfongen troch nijbou dy't dêr by past. Op dizze brêge moat Piter Terpstra stien ha doe't er de Ljouwerter stedsspreuk betocht: Sjoch dizze stêd, sjoch wat der rûnom bart - it âlde spegelet him yn wat de takomst hat. De grutte skaal fan de tuorren oan de súdkant fan it wetter foarmet in gril kontrast mei de folle lytsere skaal fan de binnenstêdsbebouwing. Mar it past, de heechbou smoart de leechbou net, tanksij it brede wetter fan de grêft dy't dêrtusken leit. De maksimum bouhichte fan 25 meter, ea ynsteld om de binnenstêd te beskermjen tsjin te hege nijbou, hat der foar soarge dat oan de binnenstedskant fan de Willemskaai moderne stêdeskientme ûntstean is. Dêr steane fjouwer ûngefear like grutte gebouwen mei foarmen dy't op inoar oanslute en yn in prachtich kleurepalet: oranje, donkerrôze, stienread en bêzje. De bouhichte fan 25 meter is noch krekt net sa dominant dat de harmony mei de rest fan de binnenstêd fersteurd wurdt. Ik wol net beweare dat de Fryslân Bank oan de Willemskaai perfoarst net de hichte yn meie soe. Mar ik woe it punt fan diskusje wol graach dúdlik ha. De fraach is net oft in kantoargebou fan fyftich meter op dat plak past, want it antwurd dêrop is nee. De fraach moat wêze oft de gemeenteried in fersteuring fan de harmony yn de bebouwing en fan de skientme fan dit stik Ljouwert - it toeristyske kapitaal fan de stêd! - mei dêrby de presedintwurking en de kâns op mear heechbou binnen de grêften, minder wage litte wol as de belangen en aspiraasjes fan de Fryslân Bank, dy't by einsluten fansels ek in Ljouwerter belang binne. In oare fraach is oft de FB helder hat wat syn aspiraasjes no eins binne. Want sis no sels, it wurdt dêr op it FB-blok tusken Beurs, Saailân, Suderstrjitte en Willemskaai fansels wol wat in raar argitektoanysk griemmank. Wêrom kin de FB net allinne it monumintale stedshaadkantoar út 1936 oanhâlde en in moai-bylkjend nij haadkantoar fan tachtich meter (of heger!) bouwe op in boppeslachs-lokaasje yn de buert fan it stasjon? Sa'n tsien jier lyn koe de plannemakkerij fan de nij te bouwen Harmonie en it dito Gerjochtsgebou net by inoar brocht wurde, mei as gefolch dat dy twa gebouwen no hiel ûnhandich op elkoars plak steane. Wa wit is der hjoed de dei mear mooglik en stiet der mei fjouwer jier in nij haadkantoar fan de FB oan it Suderplein. Teake Oppewal

Trotwaer. Jaargang 32 113

De Njoggenskots Tjitte Piebenga

Hy bekuerde it silhûet fan it bosk, dat swart ôfstiek tsjin it fûleindich baarnen fan 'e Lancaster, dy't mei in slach fan komsa op 'e hichte by de Iselmar delsaaid wie. Harmen Teades foarseach it geheime V-wapen al, dêr't er sa heal en heal fan ôfwist, de puntige sigaar, dy't Londen nea berikke en dy't mei in fûle flam oan 'e sturt stadich omkiperje en mei in ûnbidige klap foar it Timpeltsje útelkoar spatte soe. It Timpeltsje soe sa'n hûnderttweintich foet ferskowe, hy rette it, en in pear wike letter, doe't hy en syn húshâlding allang fan ruten spile wiene, joech de skiednis Harmen Teades Pitersma lang om let en breedút gelyk. It Timpeltsje stie yndie op in oar plak en noch in deimennich letter mitraillearden Mustangs en Thunderbolts it stee yn it bosk, dêr't dy sigaren ôffjurre waarden. Mar de raketten wiene ûndertusken al ferfearn nei kriichswichtiger oarden, sa tocht er, dat Harmen Teades poetste syn ynswarte, knibbelhege learzen op en die syn like swarte unifoarm mei de sulveren tressen oan, de deadskop op 'e pet. Hy sette it tsjuster fan it bosk yn, tusken de stammen flakkerjend en yn 'e fierte de lôgjende flammen fan de Lancaster, op de strún nei fijannelike piloaten, de njoggenskots los yn 'e holster.

Lang wist se it net, Joukeline Kearewear, sa trochskinend tsjep en fan in stal, dêr't nimmen nei sjen koe sûnder dwyl te wurden en as se foarby kaam foelen de jongfeinten, dy't har begnúfden dêr't se mar koene. It lange kastanjehier weage har oant op 'e heupen en de griene eagen twinkelen har mei sparkjende ljochtsjes, wylst de rokken har om 'e skonken waaiden. Se seach nei de wolkens, dêr't ea faaks in kante feint út delkomme soe, dy't se mei alles dat yn har wie hoedzje en noedzje soe, dwers tsjin alles yn. En sa kaam se Harmen Teades Pitersma tsjin, mar doe't se him kundskip die fan 'e oansetten frucht, dy't letter de namme fan Teade Harmens krije soe, seach Harmen Teades it him oan en flechte nei Marseille en hy joech him oan by it Legioen. It soe lykwols oars útkomme, in maat reizge syn eskapade nei en sadwaande stiene Joukeline Kearewear en Harmen Teades Pitersma dochs noch tegearre op 'e hege graniten stoepe fan it stêdhûs te F., mei de lytse op noch gjin trije moanne. En dêrfandinne lei se yn it houliksbêd, dy skrinendljochte nacht, de fer-

Trotwaer. Jaargang 32 114 tsjusteringsgerdinen hielendal omheech, it oarlochskrantsje foar har, de fjouwer bern benaud en earmhertich tsjin har oan. Sabeare kalm tearde se it krantsje op en wachte mei ynmoed op Harmen Teades, dy't faaks út it swart berikke bosk wolris wer ferskine soe, in oansketten piloat of sa oer it skouder. Joukeline naam de bern yn har op, ien foar ien, en lei se op it bêd tichter tsjin har oan, mei in ferheftich klopjen oan 'e sliepen en wachtsjend op it dôvjen fan 'e flammen, dêr't Harmen Teades, swart yn syn hiele hear en fear en mei roet op it antlit, út werom komme soe.

Undertusken swalke Standartenführer Harmen Teades Pitersma troch it bosk, de flammen skimerjend tusken de stammen, wylst er tocht oan 'e V-wapens, dy't komme soene en dy't it hûs tichteby ferrinnewearje en noch mear ruten fersplinterje soene. De hân yn 'e swartlearen glasee op 'e iepen holster. Hy wist it. Dy kears betrape er gjin piloaten, dy't er besjitte koe, mar wol in parasjuteharnas fûn er, de piloat der noch yn, dy't tsien tomme djip dwersoer yn it boskleantsje slein wie, de parasjute in eintsje fierderop. Dy fandele er ta in prop byelkoar en doe sette er op hûs oan, dêr't er de iennichste telefoan fan it doarp fan 'e heak naam en it lyk rapportearre. Doe't de earste dage oan 'e loft kaam belle er noch, de parasjute ferheistere en ferdien yn 'e hoeke fan it kantoar.

It soe him lykwols soer opbrekke dy reis, want jierren en jierren letter, lang nei't er syn tiid efter it stikeltried útsitten hie, skrille er noch withoefaak wekker, om't er dy nachts wer yn 'e loop fan de revolver sjoen hie. Mei stikkene lea kaam Harmen Teades dan ta himsels yn in heal ferdroege plasse kâld swit. Joukeline op 'e râne fan it bêd, mei grutte eagen op har man delsjend.

Se dipte him in mei rûkersguod besprinkele bûsdoek oer it antlit en fage him stadich en hiel mijen de foarholle ôf. Se glimke bemoedigjend, it hert oerslaand en se frege har ôf, oft dit yn der ivichheid sa trochgean soe. Se tocht oan dy earste kearen, de waarmens fan syn hûd, it kriuweljen fan syn hier en de ynlike stilte dêr nei. Oan 'e bern tocht se, ien foar ien en oan 'e tiid dat se allinne wêze moast, oan 'e reizen nei de poarte, dêr't hy efter siet, it ivige wachtsjen en oan syn weromkommen, in earmoedige swalker mei in reiden kofferke en in eastfrontpet op it griis wurden hier.

Mar dat wist Harmen Teades noch net, doe't er miende, dat er ferstannich

Trotwaer. Jaargang 32 115 wie en lân en ûnlân ôfbelle om ferfier, om't er ûnder de kolkjende walmen fan 'e jankende sigaren útkomme woe en om't er ree wie op stel en sprong yn eltse karre, bus of byneed in ballon te klimmen. Beauftragte Ross skoude him in âlde Störch ta, kompleet mei standerts, mânske kopljochten en in ûnbidich bagaazjerek efterop, mei in uniformearre sjeffeur, lykas dat altiten wenst west hie. Oars wie der gjin ferfier mear te krijen, útsein in ratteljende heawein mei in krakkemikkich hynder, mar dêr hie Harmen Teades gjin boadskip oan.

Sadree't Harmen Teades, in dei of wat letter, de al te jonge Gefreiter yn Feldgrau de opdracht jûn hie, de koffers en de tassen op it skitterjende chroom fan it efterrek te binen, skoude er, yn boarger klaaid, syn húshâlding op 'e krappe learen efterbank, dêr't Joukeline beret en swijend oarder skoep, trije ticht nêst har en de jongste skriemend op skurte. Teade Harmens, stiif tsjin it lofter portier oan, dêr't er in wiid útsjoch hie en dêr't foar him it grutte aventoer op begjinnen stie, hoewol't er der doe noch hielendal gjin aan fan hie, dat dizze loop him syn libben lang net ferlitte soe en dat er, jierren letter, sa út en troch oerfallen wurde soe fan dat rûntsje, dêr't er rjocht op ynseach en dat syn begjin fûn yn dy glânzjende Störch. Under it foarby gean fan fearten en beammen hie er lykwols yn 'e rekken, dat Harmen Teades hyltiid fierder yn elkoar kroep en kuerend oer de beklings fan 'e foarsittings merkbiet er, dat syn heit ynwyt waard en 'e ûnderearms hyltiten krampiger om 'e mage lei, de holle hast tsjin it sêfte lear ûnder it foarrút oan. It mar krekt útein setten aventoer wie him no al oer en wankelmoedich kipe er nei syn mem, dy't it drok hie mei de skriemende Annigje, dy't se kuozze en stadich hinne en wer widze, en sadwaande prakkesearre Teade Harmens der net oer, mem noch fierder fan 'e wize te bringen, want hy fielde, dat se dêr, yn it deftich-koele lear, net noflik siet. Hy tikke Jannes, de twadde rjochts fan him, op it skouder, wiisde earst op 'e krûme figuer foar harren en dêr nei op harren mem, en lei súntsjes de wiisfinger op 'e lippen. - Der is wat mei heit, flústere er. Jannes loek de holle tusken de smelle skouderkes en swijde.

Dit hie it doel fan Harmen Teades net west, want hy hie sûnder al tefolle opskuor foar it stasjon te F. oerstappe wollen yn in aapke, dat er besteld hie. It swarte aapke stie der, twa friezen yn 'e beage der foar en de heechoppe tsjillen sprankelen suver yn it hast te dizenige hjerstljocht. Mar de sa oant yn 'e lytste ûnmooglikheden tarette reis briek Harmen Teades hommels by

Trotwaer. Jaargang 32 116 de hannen om't ôf. Amper hiene de Gefreiter en de Standartenführer de bagaazje fan it chromen rek ôf tild en hie de sjeffeur him saluearjend en mei in ‘Heil Hitler’ ôfmelden, of Harmen Teades sakke yn elkoar. En wylst it bloed him út 'e mûle gjalpe en de Störch mei wapperjende standerts yn 'e romme bocht efter it ‘Stasjonskofjehûs’ ferdwûn, wie it Jannes, dy't Joukeline meiloek nei de dûnkerreade plasse tusken de koffers en de tassen, Harmen Teades der rûngear omhinne. Beret seach se it tastreamend hear oer, plante de noch altiten jammerjende lytste yn 'e earms fan Teade Harmens en sommearre in dokter. Harmen Teades lei stinnend om syn bloed hinne en hy tocht dwyljend oan de ferinnewearre reis, oan 'e njoggenskots en de minúsje, dy't er mei syn unifoarm en de parasjute yn in hoeke fan in âld kleankast op 'e souder ferside brocht hie. En oan 'e oprop tocht er, dy't er mei in djoer stimpel en de Ryksearn krige hie en dêr't Joukeline neat fan wist. En, wylst Harmen Teades stadich út himsels weisakke, krong der ien wissichheid út 'e fierte ta him troch: dit wie gjin desersje, want hy wist earder fan 'e sigaren as fan it brief mei it Ryksmerk en de Earn.

Wylst Joukeline, de bern wankelmoedich op 'e koffers en de tassen, knibbele by har Standartenführer en syn strik en de boppeste knoopkes loshelle en it bloed fan syn lippen fage, kaam de prottelige Adler mei de mânske gasballon op it dak efter it ‘Stasjonskofjehûs’ wei. Nei in fûl remjen stapte de dokter út, deselde, dy't Joukeline as jongkeardel noch yn 'e widze lein en troch de net sa fûle stoarmen fan har fammelibben troaid hie. Hy seach it hear oer, betaaste Harmen Teades, tilde syn eachlidden op en ordonnearre, dat hy syn pasjint wol te plak bringe soe, earne yn in optrekje te S., dat Joukeline him súntsjes yn it ear flústerjend oantsjutten hie. Joukeline en de bern klommen yn it aapke, dat fjouwerjend en sawat stuiterjend efter de weagjende en klapperjende ballon om it ‘Stasjonskofjehûs’ hinne wei waard.

En sadwaande belânen Harmen Teades Pitersma en syn húshâlding yn it al te smel arbeiderswentsje te S., dat in muoike fan Joukeline harren romhertich taskikt hie. Mar as Harmen Teades tocht hie, dat er sa noflik en suver ûnsichtber in aardich skûlplak fûn, kaam er raar te pal. Want it lytse opskuor foar it stasjon hie him fansels fierder en fierder praat, dat ear't se sels amper healwei wiene, gie it ferhaal al troch de lytse buorren. En doe't de Adler fan dokter en it aapke suver tagelyk foar it behindige húske ynhâlden, wie de stoarje al mear as folslein. Men wist it.

Trotwaer. Jaargang 32 117

En alhoewol't Harmen Teades Pitersma syn opperste bêst dien hie te ferdwinen yn in net nei te kommen neat, lei de Standartenführer yn in himpen bedsteed, dêr't er opwoutere en hoede en noede waard fan Joukeline, de bern under it panstrutsen dak, yn in wachtsjen op 'e hyltiid neier kommende winter. Joukeline wie wer, dêr't har âlden weikommen wiene, en dêr't by 't tsjuster Swarte Roaitske eltse jûn temûk twa mingelen molke brocht, want de buorren mocht net witte, dat sa'n feroardiele húshâlding ek troch de tiid moast. Joukeline hood har lykwols de hûd stikken, want eltse jûn nei de spertiid ferwachte se learen knokkels op 'e ruten en gystene kolven op 'e doar en learzen, dy't de ynhâlden frede fan 'e húshâlding wreed fersteure soene. Se seach de griene unifoarmen al, dy't by de bakker efter om 'e hoeke oer it dak klimme soene en ynienen op it pleatske stean, wylst tagelyk op 'e foardoar raamd waard.

Joukeline krige diskear èk gelyk. Op in jûn yn 'e dizenige hjerst klapte de doar langút de smelle gong yn en stiene opslach sa'n fiif, seis griene kweajonges mei gewearen en revolvers rûnom yn de húskeamer, dêr't Harmen Teades yn 'e bedsteed lei en de bern sa wyt as lekkens om 'e tafel sieten, de lytse yn 'e widze, yn 'e fierste hoeke fan 'e keamer. In wat âldere man, mei swiere sulveren epauletten, revolver en Hitlersnor en in offisierspet, trede fuortendaliks stiif nei foaren, reage Joukeline, dy't oan it hollenein fan de bedsteed siet, gysten oan 'e kant en rjochte syn revolver lyk op 'e foarholle fan Harmen Teades. -Heil Hitler, Standartenführer, kommen sie mit, schnell! Harmen Teades sette stadich de earmtakken yn 'e matras en treau him ûnder de tekkens in eintsje omheech. -Warum, darf ich fragen? Ynienen begûn Gryt, de op ien nei jongste, te razen, de mûle wiid iepen, en wylst it âljen har út de kiel wei spatte seach se mei eagen op stokjes nei de offisier mei de revolver, dy't Harmen Teades kûm hood en it like wol, oft har frisseltsjes ynienen folle fierder fan it smelle holtsje ôf stiene. De griene, dy't it tichtste by har stie, swaaide mei it gewear, wylst er raasde, dat se das Maul halten soe. Se foel op itselde stuit stil, de griene eagen grut op 'e loop fan it gewear, har triennen bedimjend. Doe sloech se har lyts en triljend hantsje om 'e loop en tearde it gewear fansiden. - Desertion!, sei de offisier, de revolver feroare ûndertusken net fan pesysje. Hy hood Harmen Teades skerp yn 't each. Joukeline stie noch altiten nest de stoel, dêr't se sa hommels ôfreage wie, panysk yn harsels fersille. Mar ynienen kaam se by en naam hoeden en mei in yslike kalmte de earm mei de revolver yn de hân en treau dy stadich mar

Trotwaer. Jaargang 32 118 beret oan 'e kant. - Setzen Sie sich, Herr Oberleutnant, sei se twingend, wylst se op 'e stoel wiisde, dêr't se noch mar in amerij lyn ôfjage wie. De offisier seach har rjocht yn 'e eagen, dy't him mei kjeld en spjelden oanstoarren, en houterich, wat ûnwis, liet er him op 'e stoel sakje, de revolver dwersoer op 'e knibbels, wylst er mei in lyts beweegjen fan 'e holle de Gefreiter, dy't Gryt it kâlde swit oandien hie, oan it fuottenein fan 'e bedsteed moanne.

Undertusken seach Harmen Teades út 'e bedsteed wei de keamer oer, en hy tocht oan 'e unifoarm, dy't er mei de njoggenskots en de parasjute ferside brocht hie. It soe him de kraach kostje kinne, sa tocht er, want as er sûnder unifoarm snapt waard, koe Herr Oberleutnant him út it stee sommearje en krekt om 'e hoeke tsjin 'e bline muorre fan de bakkerij sette. It swit briek him út en hy wist, dat er net fier fan 'e dea ôf wie en op 'e iene of oare wize ferret. Ynienen spiet it him, dat er ea dizze dwylsinnige stap setten hie.

- Keine Desertion, er ist sehr krank, biet Joukeline de Oberleutnant ta, dy't mei de revolver omtyske en dy op 't lêst wat wifelmoedich en ûnwis de holster yn moffele. Se die, al koe 't mar amper, noch wer ien stap op him ta en begûn him út te lizzen, hoe't Harmen Teades yn elkoar siigd wie en hoe't de dokter him bêde. Alles ferdútste se him, fan Beauftragte Ross, dy't harren de Störch taskikt hie en ûndertusken seach se him oan mei de fûlgriene eagen, dêr't Herr Oberleutnant net nofliker ûnder waard. Dat hy ferskikte hyltiten wat op 'e stoel en seach ûnwis nei de grienen, dy't noch rûnom yn 'e keamer stiene. - Gibt 's hier Telephon?, frege er ynienen. - Nein, nur in F., blafte de Standartenführer koart. Harmen Teades plante de earmtakken op 'e nij yn 'e matras en kaam folle fierder yn 'e kessens omheech. Hy betsjutte Joukeline, dat se efterút gean moast en har der fierder net mei bemuoie. - Rufen Sie Herr Ross an, kommendearre er, mar doe stie de Oberleutnant al, de hakken al bymekoar. Hy wiisde ien fan de grienen oan en twaresom ferlieten se oeral en yn alle hasten it keammerke.

Herr Oberleutnant en dy oare griene wiene noch mar amper ûnderweis of Joukeline foel sawat skriemend oer Harmen Teades hinne. Se kniep him yn 'e skouders, tutte him de foarholle en ûndertusken sakke

Trotwaer. Jaargang 32 119 de spanning stadich út har wei, want se fielde, dat de slach sawat heal wûn wie. Op itselde stuit sette yn 'e widze lytse Annigje fûleindich mei balten útein. De grienen sprongen opslach nei de widze en de bedsteed, dêr't se Joukeline fan it bêdeguod ropten en de lytse in loop ûnder de kape fan 'e widze stieken. De gewearen yn 'e oanslach en Harmen Teades ûnder skot. Se bekuerden, ûnder de skier-griene helmen wei mei tsjustere eagen de bern, dy't noch hyltiten lyts en ferbjustere om 'e tafel sieten. En de soldaat, dy't Harmen Teades de loop op it antlit setten hie raasde, dat elkenien te plak bliuwe moast en him sa kalm hâlde as it mar koe. De helm by de widze liet de loop sakje en rûn nei de bedsteed, dêr't Joukeline noch stie. Hy pakte har rûch beet en sette har tsjin de doar oan en skode de stoel by it hollenein flak foar har oer en gie der op sitten, it gewear yn 'e earmtakke har rjochte op de mage. - Bleiben Sie steh'n! En wylst se dêr stie, de doar tsjin 'e kâld beswitte rêch oan, mei dy griene foar har en almar delsjend op dy glânzjend swarte loop, sakke de moed har hast yn 'e teannen. Se tocht oan it bosk en oan 'e brede leane nei de mar, dêr't de readeftige blêden no wisken, en dêr't de jûchheiende lytsen al skoppend yn 'e toarre blêden mâltjirgjend oangean soene, baltend tsjin de mânske stammen. Nei de bern, bleek en hast rûngear oan 'e tafel seach se, en se wist, dat dit byld har ûnthâld nea wer ûntkomme soe.

Ynienen spatte Jannes oerein, mei de holle tusken de skouders stoarte er him mei in fûleindige sprong op 'e griene by it hollenein en feegde de loop mei syn lyts bealchje fansiden, syn klaukes yn it antlit ûnder de helm. En ear't de grienen ek mar wat dwaan koene, flitste Teade Harmens efter syn broer oan, skuorde him fan 'e soldaat ôf en kwakte him wer op 'e stoel. Op itselde stuit siet Teade Harmens ek al wer te plak, mar de grienen balten en sprongen mei de gewearen foarút en hiene yn in omsjoch de bruorren foar de loop, dy't beide yn in rûntsje stoarren. De grienen raasden. - Ruhe!, út 'e bedsteed wei. De grienen sprongen opslach yn 'e hâlding, de gewearen oan 'e foet en der foel in stilte as iis. Men stoareage mekoar oan, de lippen klam en de tonge droech, en net ien dy't de euvele moed hie, ek mar it lytste suchtsje gean te litten. - Jawohl, Herr Standartenführer! De hakken fan 'e learzen klapten fûl op elkoar en it swijen waard ynienen de helte djipper.

Trotwaer. Jaargang 32 120

It liken tiden en tiden, mar doe't it dûnker grommeljen fan de B.M.W. mei sydspan út it tsjuster wei tichterby kaam, ûntspanden de grienen har en fielden de bern, dat der wat feroare wie. Joukeline, mei in minlik glimke om 'e lippen, seach Harmen Teades oan en se knypeage nei de bedsteed, dêr't er yn alle noeden fanwege syn unifoarm te hymjen lei. Se kaam by de doar wei en skode de stoel op 'e nij nei it hollenein en se gie der yn folle fleur op sitten. Doe foel it lûd fan 'e motor ynienen stil en stapten de Oberleutnant en dy oare griene de keamer yn. De man mei it sulveren beslach en it Hitlersnorke die in stap nei foaren en saluearre: - Wo ist Ihr Uniform? Harmen Teades bestoar it hast, it swit briek him oan alle kanten út en hy hie de euvele moed net, dy âlde kleankast op 'e souder te neamen, want hy wist, dat soks him de deastek oandwaan soe. Glimkjend lykwols stapte Joukeline, dy't it hiele trelit mei it swit yn 'e hannen acht slein hie, dimmen nei foaren. En mei in amper bewegen fan 'e holle hiet se Teade Harmens út it stee te kommen en se ornearre, dat er mar efkes op it souderke fan it hok sjen moast en goed om him hinne kypje. In amerij letter wie Harmen Teades werom mei in kleanheakje, dêr't de unifoarm yn syn hiele staasje op en oerhinne hinge, de swarte knibbelhege learzen oan bantsjes der nêst, de sulveren tressen en de pet mei de deadskop dúdlik yn 't each - Entlassen!, grommele de offisier min ofte mear, wylst er nei de doar wiisde, dêr't de griene jongfeinten yn poepemars, de helmen efter op 'e holle, de gewearen los yn 'e hân en de skouderrimen bongeljend, net al te hastich op ta setten. - Entschuldigung, Herr Standartenführer, Heil Hitler!, en hy sette op 'e doar ta. Mar ear't er der troch stapte, draaide er him noch ien kear om. De Oberleutnant seach de Standartenführer lang en hast wat meilydsum oan, en wylst er in stap nei foaren die sei er: - Sie sind fälschlich verraten.

Dy wurden soe Joukeline nea wer ferjitte, en tiden en tiden letter gie se noch altiten alle huzen fan it lytse doarpke nei. Mei de gesichten, dy't by dy klintsjes hearden en se frege har ôf, wa't soks dien hawwe koe. Elts antlit fersmiet se, want se koe har net yntinke, dat der ea ien wêze kinne soe, dy't Harmen Teades in kûgel tsjin in bline muorre fan 'e bakkerij tawinske. Mar se wist, dat der ien wêze moast.

Harmen Teades lei swittend en neitriljend yn 'e bedsteed, wylst er de unifoarm, dy't Teade Harmens ûndertusken oan 'e klink fan de keamersdoar

Trotwaer. Jaargang 32 121 hinge hie, op ôfstân en mei ferromming beseach. Hy sykhelle in kearmennich djip en seach nei Joukeline, dy't him bemoedigjend en wat grutsk opnaam. - De njoggenskots?, frege er. Joukeline kaam yn alle tsjeppens op him ta en sei, dat er mar op 'e stoel oan it hollenein sitten gean moast. Nei't se him in tekken om 'e lea teard hie, tilde se de matras op en fiske der twa doaskes minúsje ûnder wei en doe de revolver. Yn 'e fierste hoeke skimere noch wat fan wite side. - Blûskes foar de bern, sei se. - En dy unifoarm ferknip ik ek, broekjes en jakjes. Se kroep him oan ûnder de tekken, dy't se om him hinne slein hie en se nestele har op syn knibbels, ticht by him, en se wist, dat se wat ferlern hie.

Earst doe kamen de bern ta harsels, it skrikeftich aventoer efter de rêch. En se kroepen by heit en mem, stiif tsjin mekoar oan en wylst Joukeline de lytse út 'e widze helle, wist se noch net, dat it jierren en jierren duorje soe, ear't it wer sa wêze soe as no.

En moannen letter, allang werom op it mânske stee mei noch mear stikkene ruten, doe't de blauwe overals ynstee fan de ljochtsjende flammen tusken de stammen fan it bosk skimeren, beseach Harmen Teades syn njoggenskots, dy't Ostlandbauer Murk de Jong foar him út Ruslân wei meinommen hie. Harmen Teades weage him noch ien kear op 'e hân en draaide de silinder om en wer om. Doe skeat er noch ien kear yn 'e loft en wylst er âle fan fertriet, smiet er it ding, want dat wie it wurden, mei in lange haal de grêft yn.

Trotwaer. Jaargang 32 122

Tegels Meinou P.

Ik haw in prachtich âld sparpotsje. It is in Buisman's G.S.' blikje (Verbetert de Koffie - Bespaart op Koffie). Wat der yn sit, is myn jild net. It is fan suster Michaela fan de Stichting Wereld Dorpen voor Kinderen. Om de safolle tiid stjoert se my fiifentritich sinten... omdat ik wanhopig ben en het risico maar moet nemen dat sommige mensen er voor kiezen om dit geld niet naar my terug te sturen, skriuwt se. Want dan kin se Susana bygelyks net mear helpe. En dy har heit is altyd dronken en har mem slacht har en no is se fuortrûn en telâne kommen by dy leave suster. Razend wurd ik as ik dat lês! Ja, ek wol op dy sûplap fan in heit en dy dweil fan in mem, mar noch folle mear op suster Michaela. Wat docht se my dat jild ta te stjoeren? Ik haw al sa grouwélich it mier oan administraasje en no wol se dat ik derfoar soargje dat sy dat luzige bedrachje werom krijt... deze 35 cent kan een kind als Susana helpen ontsnappen uit een leven vol armoede... Wêrom yn godsnamme moat dat jild dan earst de heale wrâld oerreizgje? Dat hoe ymmoreel it ek is, ik ferpof it en wurkje mei. Mar om it jild no yn 'e bûse te stekken, dat giet my ek wer te fier. Sadwaande haw ik myn âld Buismanbuske opsocht en sparje ik wer lykas eartiids. Allinnich mar jild fan de suster. Ik kin hast net wachtsje oant der wer wat komt. En wat ik der mei doch stiet noch hielendal iepen, dat makket it sa spannend. Faaks jou ik it oan de ambassadeur fan de Nederlandse Sponsorloterij, Johan Cruyff. Fan him krige ik sa'n aardige kaart. Beste M.M.H. Piebenga, skriuwt dy. Hy freget oft ik meidwaan wol oan dy lotterij, want dan kinne se yn Madagandapali it Johan Cruyff Education Centre bouwe... dan helpt ú de kinderen van India en kunt u binnenkort al een auto met 1 miljoen gulden winnen, mevrouw of meneer Piebenga! No, dat wol ik wol. En suster Michaela fynt it fêst ek fijn dat grutte talinten yn earme lannen dan oplaat wurde kinne ta fuotballer fan de ieu. Mar it is wol wer in protte gedoch. Ik moat trije geluksdagzegels ynfolje, útknippe en wer earne oars opplakke. Dat wurde myn lotnûmers. Dêr wurd ik wer razend fan. Want jo kinne like goed jo geloksdagen drekt op it plak delsette wêr't se hearre. Wat miene se wol net, dat ik myn tiid ferdoch mei fröbeljen? En om it noch slimmer te meitsjen, jouwe se foarbylden fan wat geloksdagen wêze kinne soenen. Jo troudei, of de bertedagen fan de bern... of heeft u heel andere geluksdagen? Ja hear, de dei dat ik dy auto win, mar dat duorret noch wol efkes. Want yn it potsje sitte seis kwartsjes en seis dûbeltsjes en ien sa'n lot kostet in tsientsje. Dat ik tink no dat ik myn buske leechsmyt yn de kollektebus fan Jantje Beton. Of sil ik mysels dochs mar traktearje op in iisko?

Trotwaer. Jaargang 32 123

Samle poëzij fan Tsjits Peanstra Op in tinne tried lâns Harmen Wind

Tsjits Peanstra, Neierhân. Samle fersen. Mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 1999. 506 siden. f 75.

By gelegenheid fan har 75-ste jierdei binne de fersen fan Tsjits Peanstra (T. Jonkman-Nauta) útkaam yn de tsjokke sammelbon del Neierhân, mei 530 Frysktalige en 83 Hollânsktalige fersen, gronologysk oardere. Sa'n 220 fersen wurde hjir foar it earstpublisearre. Taheakke binne noch 28 bernefersen. It gehiel is moai fersoarge troch Goasse Brouwer, mei in kreaze, wiidweidige, ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. In boek as in monumint. De titel docht my nij. Dy suggerearret foltôging, in balans dy't opmakke wurdt. Mar de dichteresse is neffens my net utpraat. Ek al ferskynde har lêste bondel, Oanspield, tolve jier lyn, út de jierren dêrnei steane oer de hûndert gedichten yn dizze útjefte. Ik gun it de dichteresse graach dat se sels har wurk oant no ta sa prachtich ynbûn trochblêdzje kin. Mar der sil dochs net in sinjaal bedoeld wêze as: It hat moai west, Tsjits! Of soe se dy titel sels... Docht se de doar ticht? Dat liket my sterk. Dizze samling bewiist it plan-út: Tsjits Peanstra har hâldfêst is de pinne:

Ik skriuw omdat ik it net litte kin en sykje wurden foar myn djipste fielen (373)

Yn ‘Poëzij is...’ definiearret se har skriuwen as:

Op in tinne tried lâns rinne, op in tried fan fantasij, wurden dy't ik skriuw foar dy sille sa har reis begjinne. (366)

It wol my net oan dat se dy tried kwyt is. Yn har meast resinte wurk toant se oan dat se net te kerbintich is foar it poëtysk koarddûnsjen. En har tsjinstberens (‘foar dy’) sil har net tastean om de pinne del te lizzen. Ik tink nammers net dat dy tried spûn is fan fantasij, it is de tried fan de libbensûnderfining. It aardige fan de gronologyske opset is, dat de lêzer in soarte fan (gefoels)libbensoersjoch krijt. It oeuvre is sterk autobiografysk. Der sitte amper hiaten yn har skriuwerij. Allinne de jierren 1954, 1960-'61, 1965-'64, 1966 en 1969 ûntbrekke. Fan in reduksje yn produktivens troch de jierren hinne blykt neat. Dúdlik wurdt, dat Peanstra har dichtsjen breanedich hat om troch de tiid te kommen. Der sit in soad ferwurkjen yn har wurk.

Yn har jierren as wyksuster yn Aldeboarn, fan '52 oant '59, rûchwei myn legere-skoallejierren, hat se by ús oer de flier west doe't us heit, dy't timmerman wie, by it molkfabryk fan it dak ôf foel, in hichte fan goed seis meter, en allinne nei hûs knoffele. Ik sjoch him noch de keamer ynkommen. ‘Ik bin fallen’, brocht er út. Doe gong er troch de knibbels. My stiet by dat ‘sus-

Trotwaer. Jaargang 32 124 ter’ mei in tobbe wetter omsloech. Heit moast wosken wurde en de klean woene min út. De sike-auto brocht him nei it Diakonessehûs yn Ljouwert. Mem gong mei en sy bleau by my en myn bruorke. In frjemde fertroude frou. Soarchsum. Hunderten fersen hie se doe al skreaun. Se publisearre yn De Stiennen Man en De Tsjerne en har debútbondel Underweis (1955) wie op kommendewei. Mar wat wisten wy dêrfan? En dat de oanlieding ta har baan as wyksuster yn Boarn lei yn it mislearjen fan it plan om har mei in freondinne as ferpleechster yn Denemarken nei wenjen te setten - wy hiene der gjin weet fan.

Brutsen leafde

Ofgeand op har lyryske ik moat men oannimme dat Tsjits Peanstra yn dy fyftiger jierren in swiere tiid meimakke:

Gûl ik omdat ik berne bin, omdat ik bang bin, omdat ik libje? (140)

O God, nim my wei, bewarje my foar de hate en de wredens fan it publyk, bewarje my foar de willekeur en de rol dy't ik spylje moat. (140)

De Boarnster tiid hat net de maklikste west. It liket der in soad op dat it om in ferbrutsen freonskip gong dy't leafde hjit.

O, famke kom werom, do leafste fan myn herte, myn siele skriemtfan smerte, o, famke kom werom. [...] Kom ienkear noch werom, lit ús de leafde drinke, lit oere en tiidfersinke, kom ienkear noch werom. (64)

No kin yn sa'n fers fansels net samar it ôfrinnen fan in lesbyske ferhâlding lêzen wurde, benammen om't dizze dichteres harsels faak identifisearret mei oaren en har hjir dus mooglik ynlibbet yn in man. Mar der is wol in opfallend oantal ‘freondinnefersen’, ek yn it lettere wurk.

Wy sykje in skûlplak efter de wolken fan fatsoen, wy fine beskerming by elkoar. Do draachst de waarmte oan, ik it wurd. [...] Do frou - ik frou (229)

Trotwaer. Jaargang 32 Yn ‘Liet’ (262) besjongt se har leafde as in earbetoan:

Preesteresse, myn prinsesse, 'k sjong, ik sjong in lietfoar dy. klankerein, sûnder ein klinkt foar dy

Mei dat ferwurdzjen sitte wy al yn de santiger en tachtiger jierren. It gong nei alle gedachten om in leafde dy't yn de fyftiger jierren noch folslein yn 'e taboesfear siet. It ferbrekken dêrfan klinkt noch lang nei yn de fersen.

Engaazjemint

Har kosmopolityske ynslach foarmet in spanningsfjild mei har leafde foar Fryslân.

Trotwaer. Jaargang 32 125

Tsjits Peanstra (foto argyf FLMD/Jaap Schaaf, 1997)

Ik, kosmopolyt, Wêr fyn ik hâld? (140)

Wat hieltyd wer spilet is de belutsenens mei it wrâldbarren en fral mei minsken yn 'e knipe. Yn sokke gedichten krûpt se yn de hûd fan dyjingen dy't se beskriuwt. Se belibbet ynkringend wat harren oerkomt. Ik jou in stikmannich foarbylden:

Sij ús hûd dan net blank en ús hier dan net ljocht, ús hoop is dochs harres allyk, o Hear, meitsje ienkear de wegen ús sljocht, lit ús wêze yn wêzen gelyk! (174)

No't elke dei deselde wurden is en rein of sinneskyn der net ta dogge, no't ik de maten en defreonen mis en wy de tiid mei oare eagen sjogge,

no set ik kofje en ik waskje ôf (247)

Trotwaer. Jaargang 32 126

Dy't earst ús buorman wie, wol ús no sjitte, hy is ús fijân en hy is soldaat en mei him prate kinn' wy wol ferjitte, Hy is in Serviër, wy binn'Kroaat (372)

Sa folslein slacht se har faken lyk mei de ‘slachtoffers’. Dêrneist binne der in grut tal fersen dêr't se it probleem gefoelich beskriuwt fan har eigen perspektyf út. Sa nimt se har standpunt yn yn kwestjes as: Joadeferfolging, kearnenerzjy, it sljochtsjen fan 'e muorre, de ekonomy fan it genôch, ferkrêfting, miljeufersmoarging, projektûntwikkeling, ensfh. Se sjocht wat der bart, lit it op har ynwurkje en kin der net oer swije.

Ik wachtsje as in spûns oant ik folsûge bin (176)

Yn literêre kringen yn Nederlân hat in polemyk west oer de fraach: Moat in skriuwer syn fysje jaan op de Kosovo-krisis? Foar de 74-jierrige Tsjits Peanstra gjin punt. Sy docht de mûle iepen en lit har hert sprekke. Op minsklike mjitte.

Hoe moatt' se it libben stjoere, witte wer fan tiid en oere en de takomst wer begjinne en in nijefrijheid winne yn it lân fan Kosovo? (405)

Romantyk

De realiteit spilet net min by yn dit dichtwurk. Lykwols, dat makket Tsjits Peanstra net ta in realiste. Krekt oarsom, se is in romantika yn ieren en sinen. Ek har ‘protestfersen’ woartelje yn har duorjende ûnfrede mei it hjir en it no. Se idealisearret it ferline, by útstek de natoer yn syn hear en fear út har bernejierren, der is in soad persoanlike gefoelslyryk, weemoed oer it foarbygean. ‘Weltschmerz’, sentimint, ek. De measte romantyk fine wy yn it âldere wurk, mar dy ynslach bliuwt oanwêzich. Wat priuwkes:

Ik dream fan dy myn âld skier berteplakje, omrûze fan it wetter en it reid. Ik dream fan dy en fan dyn fredich marke, dat simmerjûns sa stil te blinken leit. (67)

Yn rêde flecht ûntkamen hja it libben, om, as de hjerstwyn oer de fjilden gong, te kearen, jimmer ien en nij besibbe: loslitten bern, yn leafde ivich jong. (155)

Litte wy ús nei wenjen sette yn in hûs by de see, dêr't bolsterige stoarmen om 'e doarren spoekje en 't sâlte wetter bluist'rich tsjin 'e ruten slacht. [...] Litte wy ús nei wenjen sette yn in hûs by de see,

Trotwaer. Jaargang 32 want dan is elke dei in wûnder aventoer. (295)

It is mar in greep. It tilt op fan dizze ‘klassike’ (en gauris tradisjonele) romantyske fersen. Dream, tinzen, siel, aventoer, rûzje, ivichheid, it binne kearnwurden yn it grutste part fan dizze poëzij. Se lûkt har, út selsbehâld en om te boarnen, geregeld werom yn har ferbylding, it wûnder fan it ûnthâld en de rykdom fan 'e taal.

Fakfrou

Want dat bewiist dizze bondel ek: Tsjits Peanstra is in fakfrou. Se beoefent sawat alle poëtyske genres: fan ballade oant haikû, fan sonnet oant villanelle, fan rondeel oant senryû, fan oade ta limmerik. Gjin nee te keap. Sletten metryske fersen en frije foarmen wikselje elkoarren ôf en ûnderwerpen binn' der by de rûs. No liedt dat gepiel mei dy haikû('s), tanka en villanellen trochstrings net ta heechsteande

Trotwaer. Jaargang 32 127 poëzij. Houtsje-toutsjefersen, literêr makramee.

Myn suster wol de fjouwerdaagse rinne, As se goed traint, dan moat dat grif wol kinne. (327)

Jim kinne har fansels no wol, myn suster, Wat koe se pronkje mei har blauwe duster. (329)

Dat hie ta in pear (bettere) foarbylden beheind wurde kinnen. De herhelling is, en dan funksjoneel, winliken ien fan de wichtichste stylmiddels foar Peanstra. De fersen mei repetitio binne meastentiids ynkringend en ha gauris it skaaimerk fan in liet. Se krije ek wat beswarrends.

Lit my de oere wêze as tear de stilte groeit. Lit my de stilte wêze as bliid dyn tinken bloeit.

Lit my it tinken wêze as djip dyn leafde tynt. Lit my de leafde wêze dy't dy oan 't libben bynt.’ (151)

Se hechtet in fers faak ôf mei in herhelling fan (in diel fan) de earste strofe en bewurket sa in syklyske foarm. It stylmiddel wurdt spitigernôch wolris in keunstgreepke. En dat falt nammerstemear op by it lêzen fan etlike gedichten efter elkoar. Der is frijwat gelegenheidswurk by, bygl. skreaun by in ferstjerren (‘In memoriam’), of gewoan ‘Foar....’. Ek komme wy bewurkingen (‘frij nei...’) tsjin, bygl. fan gedichten fan Slauerhoff, Carl Budich, Obe Postma, Gerrit Kouwenaar.

Hollânsk

Ut dit lêste wurdt wer dúdlik, hoe't de belêzen Tsjits Peanstra har net bûn fielt oan grinzen. De memmetaal is har dierber, mar har ambysjes rikke fierder. Krekt as de lokaasjes fan har fersen: se nimt de lêzer mei nei Frankryk, Denemarken, Ierlân, Noarwegen, Kreta, Zimbabwe, de Sahel, East-Dútsklân, om úteinlik dochs wer yn har ‘eigen doarpke’ (sunt 1964 Raerd) werom te kommen. Mar wat de taal oanbelanget, yn de bondel binne 83 Hollânske fersen opnaam, faak mei in Fryske fersy, mar in grut part bestiet ek allinne yn it Hollânsk. Ien fan de neidielen fan de gronologyske opset is dat de beide fersy's faak fier fan elkoar ôf stean, bygl. ‘Kamer’ (208) en ‘Flat’ (223), ‘Soms binn’ der dagen’ (233) en ‘Soms zijn er dagen’ (260). Ut de santiger jierren stean der mear as tweintich efter inoar (203-214). Oer it generaal moat sein wurde, dat de Hollânske fersen, hoe goed technysk ek opboud, minder binne as de Fryske. Se meitsje faak de yndruk fan in fyts dêr't de bannen net hurd genôch fan oppompt binne, se misse draachkrêft en spanning. Boppedat dogge se âldmoadrich oan. Wurden as ‘der (van de), ‘doch’, ‘gerucht’, ‘gij’, ‘huiv'ren’, ‘bezwangerde’, meitsje de measte fersen wat retoarysk en patetysk.

Trotwaer. Jaargang 32 En besiket de dichteres om deistige wurden te brûken, dan binne dy wer net sprekkend genôch:

Om langs de vloedlijn naar wat moois te speuren, kleden wij ons met warme sjaal en jas, we lopen moeizaam, om het hout te keuren dat voor de open haard zo bruikbaar was. (259)

Het is zo stil om huis en haard, er zingt geen vogel meer, er waart een grote droefheid om de dood. (392)

Trotwaer. Jaargang 32 128

Gauris heart de lêzer it lûd fan Bloem, Nijhoff of Achterberg. Dy lêste hat ek ynspiraasje jûn ta Fryske fersen, en dan fral syn bondels Stof en Energie. Dêryn brûkt er ‘wittenskiplike’, dus ‘ûn-poëtyske’ termen om syn sintrale tema stal te jaan. Tsjits Peanstra docht it sa:

De dei is in endoksam-ynjeksje, in sykloan. It lichem komt yn ferset, it hert bûnzet pine, de sellen brekke ôf (228)

Oer dyn wrâld leit in skaad fan röntgenstrielen, sytostatika en spielsystemen (249)

Sokke fragminten jouwe wer oan, dat dizze dichteresse har net beheint ta it poëtyske jargon en ek hjir grinzen oerstekt. Mar om op de Hollânske fersen werom te kommen, yn de seleksje hie dit wurk wol wat kritysker hifke wurde kinnen en ik hie it better fûn as it in aparte ôfdieling wurden wie, krekt as dat bard is mei de bernefersen.

Bernefersen

Yn dy de ôfdieling ‘Fersen foar bern en grutte bern’ toant Tsjits har talint as (humoristysk) poëtysk fertelster. In swak stee is meastentiids de ‘klû’. Sterk binne, ek hjir wer, de metryske hechtens en it klankespul.

Leave lytse pipernút, do bist mem har moskje, heit syn dogeneat, syn gút, eachjes, earkes, toskje. Dêr is 't búkje, fol en rûn, yn de hantsjes klappe, beide fuotsjes op 'e grûn, en no stappe, stappe. (430)

Dêrneist toant se ek hjir har ynlibjend fermogen yn bern (‘Eksamen’, ‘Húswurk’, ‘Panyk’) en bisten. It bêste yn dit wurk misstiet net neist dat fan Tiny Mulder.

Wurdearring

Ik ha yn 1953 in suster moete dy't ús heit syn skansearre ribbekast wosk. Yn dit sammele wurk falt de soarchsume tawijing fan de wykferpleechster gear mei it ynlibjend langstme fan de dichteresse. ‘De grutte wearde fan dit oeuvre leit foar my lykwols net yn de technyske feardigens, mar yn de minsklike kwaliteiten dy't út de fersen sprekke. Yn it wurk fan Tsjits Peanstra moetet de lêzer in frou dy't harsels yn har fersen doart út te leverjen’,

Trotwaer. Jaargang 32 skriuwt Tineke Steenmeijer-Wielenga yn har ynlieding. Dat is wier. Mar om dat ‘moetsjen’ en ‘útleverjen’ oertsjoegjend stal te jaan is poëtyske feardigens nedich.

Bin ik wer better, seisto - bin ik better - ik doarst de stilte amper te ferbrekken, ik wist myn eangstme ek net út te sprekken, ik koe dy inkeld by de hannen krije en hiel ticht by dy wêze, mei dy swije, wiest mar wer better, tocht ik - wiest mar better - (290)

Tsjits Peanstra op 'e tried. Se docht mear as har keunsten fertoane. Se lit harsels sjen. Sadwaande is Neierhân mear as in monumint. It is in libbensaventoer. En dêr sjitte poëtyske mjitstêven gauris tekoart. Faaks is yn dizze útjefte wat te folle opnaam. Mar dat der út har ferskaat mar ien fers (In memoriam foar Anne) trochkrongen is ta de Spiegel van de Friese poëzie, docht har perfoarst, ek literêr-kwalitatyf sjoen, te min rjocht.

Trotwaer. Jaargang 32 129

Anne Feddema By it grêf fan Stravinsky

Pearse, blierrôze en reade roazen Fioelekaai en hert fan stientsjes Lizze op dyn grêf Ylluminaasje Net te sjen Wol te fielen Dizze brodzich dizige dei

Ik tink the rake's progress Moat mar es yn it Frysk Nick Shadow as Oane Skaad? Switdrippels dripkje op Wytstrieljend moarmer

Dêrûnder bonkich It maitydoffer Oan de ein fan de simmer Libben as in hert.

Trotwaer. Jaargang 32 130

Op jacht en daarna Remco Ekkers

Eeltsje Hettinga, Akten fan winter. Steven Sterk, útjouwer, Utrecht 1998. 75 siden. f 49,50.

In 1978 publiceerde Rutger Kopland in Al die mooie beloften een gedicht, dat zó begint: ‘Winter van Breughel, de heuvel met jagers / en honden, aan hun voeten het dal met het dorp.’ Het is een beschrijving van het beroemde schilderij van Pieter Brueghel de Oudere, dat zich in het kunsthistorisch museum van Wenen bevindt. De dichter heeft het schilderij nauwkeurig bestudeerd. Het gaat zó verder:

Nog even, maar hun doodmoeie houding, hun stap in de sneeuw, een terugkeer, maar bijna zo

langzaam als stilstand. Aan hun voeten groeit en groeit de diepte, wordt wijder en verder, tot het landschap verdwijnt in een landschap dat er moet zijn, en er is, maar alleen

zoals een verlangen er is.

Voor hen uit duikt een pikzwarte vogel. Is het spot met de moeizame poging tot terugkeer naar het leven daar beneden: de schaatsende kinderen op de vijver, de boerderijen met wachtende vrouwen en vee?

Een pijl onderweg, en hij lacht om zijn doel.

In 1986 publiceerde Erik Spinoy De jagers in de sneeuw. De jagers keren terug van een niet erg geslaagde jacht. Er hangt een sfeer van teleurstelling. Het lijkt of de jagers op de aftocht zijn. De thuiskomst is geladen. De dichter identificeert zich met de jagers: zijn ogen knipperen tegen de diepte en de sneeuw. Hij leeft zich ook in in de helling die de jagers zullen afdalen; zij is ‘bevroren in rechtvaardigheid’ en ‘Niets verlicht / de ongeneeslijke pijn’. Het kijken van de dichter -daarover gaat het gedicht even goed - is als ‘een groot albasten vaatwerk met wat / niet behouden blijft’. Het probleem van het kijken is dat je nooit echt wordt wat je ziet en dat dus ook nooit echt begrijpt. ‘Dus nooit is het eens en voorgoed, // en geen gezang. En niemand die tot al dit / water zegt: ik ben.’ Het beeld bevriest, zoals het water bevroren is, zoals de mensen in hun spel. De gesuggereerde beweging van de jagers, het thuiskomen van de jacht, dat op het schilderij het oog leidt naar het psychisch centrum: de ijsvloer waar gespeeld wordt door donkere schimmen, maakt duidelijk - via het kijken van de dichter - dat wij allemaal onherroepelijk op weg zijn.

Nog even blijft het kijken - ademloos, alleen. Vasten in een stad vol carnaval,

een schilder op een boerenfeest. Alleen afzijdig kijken.

Trotwaer. Jaargang 32 Elke beweging is een illusie die duurt tot de stilstand. De dichter associeert met het Icarusschilderij van Brueghel - ook vaak bezongen. Vallen is ons lot. Boven de ijsvloer hangt in glijvlucht met wijdgespreide vleugels een vogel. Voor de compositie van het schilderij is deze vogel van groot belang. Het oog van de kijker gaat via de jagers en de bomen waartussendoor

Trotwaer. Jaargang 32 131

Pieter Brueghel, De val van Ikaros (1558) zij lopen, de takken van de bomen, naar die vogel en valt dan als het ware op het ijs met de spelende figuren. Over die vogel zegt de dichter: ‘De glijvlucht van een ekster / begint bij de besneeuwde takken - een / kruisdraging van staart en vleugelspanning. / Hij wijst ze als een pijl de weg.’ Hij wijst ook de kijker, en bij Spinoy de lezer, de weg: een bittere thuiskomst na de illusie van beweging en uiteindelijk de dood. Bij Kopland verlangen, bij Spinoy beweging en stilstand. In 1998 verscheen Akten fan winter van Eeltsje Hettinga. Hij kreeg er de Fedde Schurerpriis voor het beste debuut van de afgelopen drie jaar voor. De tweede cyclus heet ‘It bloed fan Breughel’, ‘De jagers yn de snie’ en ja, het gaat over het bekende schilderij, maar nu volledig betrokken op de eigen geschiedenis en de eigen persoonlijkheid van de dichter. Ook Hettinga - de ironisch-romantische - beschrijft wat hij ziet, nog uitvoeriger dan de voorgaande dichters en met meer aandacht voor het laat middeleeuwse tafereel en de zichtbare armoe. Over de jagers zegt hij:

Trotwaer. Jaargang 32 132

Wat hâldt har, djip yn gedachten wei, noch op fuotten? It wyld oan stokken, de hite langst nei hûs sa't by de herberge de kjeld en skroei keard wurde fan 't okeren fjoer?

Dan gaat zijn aandacht naar het land en de ruimte, het ijs. Waar de bergen zwijgen:

skûlet yn 't beamte it fûgelte dat dûnker as de dea, de rûmte op 'e kuer hat, o, op 'e swarte wjokken roppich de djipte ynsaait as tiid har wankend krús.

Daar is het kruis - hier ook het christelijk kruis van boetedoening - en de dood! In het tweede gedicht geeft Hettinga ruimte aan zijn beschouwing. Hij schrijft epischer dan Kopland en Spinoy: zijn tekst is dan ook anekdotischer, wijdlopiger - er is zelfs ruimte voor een cliché als ‘no ja... besjoch it / ek mar!’ De uitdrukking kan misschien ook zó gelezen worden dat het schilderij de toeschouwer niet meer loslaat: het beeld wordt jager. De tekst is ironischer en tegelijk subjectiever, meer betrokken op zijn eigen geschiedenis. We zijn in het Wenen van Freud, maar Heer Brueghel had in zijn tijd geen divan tot zijn beschikking. Overigens leven in de Oostenrijker nog de middeleeuwen, getuige de ‘oedipudale’ verering van de Maagd Maria. Haider was ten tijde van Hettinga's bezoek nog niet zo hoog gestegen, maar hij verwijst wel naar de Tweede Wereldoorlog. Het schilderij lijkt koektrommelkunst, maar kijk goed: ‘Hear Breughel, hy ferget / it each oant wier it byld jager wurdt.’ In het derde en laatste gedicht van de reeks gebeurt er iets interessants: de dichter vereenzelvigt zich met één van de jagers, zijn broers zijn de andere. Het beeld gaat nu over hùn thuiskomst.

Trijeresom beare wy dat wy froed as altiten op hûs oangean as wie der donderkater neat bard, as kinn' wy bûten skuld, werom ta it âlde doarp, it Hyperboreäs, fan foar de jacht. Ai, dwazen dy't wy binne. Wy skouderje stilwei de herberch, benaud dat it folk ús de grouweldied fan it skurve antlit lêst.

De hyperboreeërs zijn bij de Grieken de zalige goden aan de andere kant van de bergen, de reinen en onschuldigen. Hier is sprake van schuld: ‘...in pear bline dolkstjitten. Dat / wie it ferskil tusken de by- en de deadsliep. De wite bosken kleuren / fan har lichem read.’ De lezer moet nog steeds bedenken dat we in het Wenen van Freud zijn; een dolkstoot krijgt in onze tijd gemakkelijk een dubbelzinnige betekenis. Er is iets gebeurd: een moord, een verkrachting. Jagers en broers lijken me hier hyperbolisch verbonden, dat wil zeggen dat we de daden van de jagers niet moeten gelijkstellen aan die van de broers. Ze zijn in zekere zin vergelijkbaar, maar er is sprake van een verheviging. De dichter vraagt zich af of hij als jager niet meer voelt en ervaart dan

Trotwaer. Jaargang 32 zijn broers. ‘Hja swije. / De gesichten sitte stiif op slot.’ En aan het slot van het gedicht: ‘Gjinien fan / myn bruorren dy't heart hoe't no / har lyk yn it tichthûs fan 'e siel / omraast.’ (Een interessante omdraaiing overigens: we kennen het beeld van de ziel in de kerker van het lichaam.) De dichter moet er van getuigen, moet de boodschapper zijn. (‘Ik, dy't fan Gabriël hiet.’) Het bloed van Brueghel is het bloed van de gejaagde geworden. De sneeuwvlokken lijken op tranen uit de hel.

Trotwaer. Jaargang 32 133

De broers figureren ook elders in de bundel. In ‘De Woldberch’ spreekt het lyrische ik zijn broer toe. Ze zouden op reis gaan. ‘Der wie in romte, broer, wylder en gystener / as de bak bedêstens fan Ons Noorden’. Zij lazen Ronsard en zongen vieze liedjes voor de meisjes in het Zuiden. Ze zouden afscheid nemen van huis, de vader vermoorden, zoals Freud het wil (‘de âlde Kronos dy't de bek bûn moast’). Ze zouden als middeleeuwse vaganten tekeer gaan. Hettinga is geïnteresseerd in de middeleeuwen. Hij gebruikt in ‘It bloed van Breughel’ middelnederlandse woorden als ‘bombasinen’ en ‘hartefanger’. De Adriatische Zee was niet ver genoeg, nee, naar Egypte, naar de Nijl, de vruchtbare rivier van de liefde. De broer ging op een paard de woestijn in. Niet alleen in de ruimte zou er gezworven worden, ook in de geest, ze zouden ronddwalen in de Egyptische dodenboeken. Maar de broer kwam niet terug; wel zijn spullen en het boek van Céline, Reis naar het einde van de nacht. Wat was er gebeurd onder het dode oog van Ramses of in de vlakten van de Nijl of in een ‘kutkafee’ in Kaïro, een aanslag of een ziekte? Het enig zekere was ‘de dea ûnder de levergiele / moanne fan tsjuster Egypte’. De ik denkt terug aan zijn broer, hoe hij achter zijn ezel stond en als een keizer de wereld aan zich wilde onderwerpen, ‘Mar mynhear Ary Bombary / machtiger wie de dûnk're driuw / fan dyn hân...’ Hij leek op het schilderij zijn eigen dood te voorspellen. Terwijl de ik onder de liguster ligt, hoorde hij zijn broer spelen en zingen: ‘We gotta getta out of this place’, maar, kan de lezer denken: zó ver hoefde toch niet? De zes terzinen verbeelden de antithese tussen de ‘flamjende maitiid’ en ‘de pleats fan dyn oarsprong en / dea’. Voort, weg hiervandaan moet ook de dichter! In het volgende gedicht schrijft Hettinga in vier kwatrijnen over zijn emotionele zoektocht, maar het object is ‘ferdwûn / yn tiids bline hiëroglifen’. Het laatste gedicht is een lange lyrische, elegie in disticha, mooi van taal en beeldspraak: ‘Flinter binn' wy, broer, almachtige / lyts ûnder de sinne har swurk.’ Wat zijn wij met al onze plannen? Richtingloos en na zó korte tijd gaan wij ten onder.

Hettinga is een fascinerend dichter: er is iets ouderwets in zijn beeldtaal (de paardmetaforen bijvoorbeeld), maar zijn versbouw is modern. Zijn dichterschap is ondenkbaar zonder de ontwikkelingen van de twintigste-eeuwse poëzie, ook die van de laatste tijd. Zie bijvoorbeeld de versificatie en de zelfspot (‘dit kartelknipt mantsje’) in ‘It hinnekleed fan winter’. Hij sleept je mee in een mythisch-landelijke sfeer in een krachtig ritme, ondersteund door assonanties en alliteraties, verrast je met expressionistische metaforen, expressieve enjambementen, zet je op het verkeerde been met eigenzinnige observaties en ironische visie. Fascinerend is ook de laatste cyclus van de bundel. ‘De jacht’. Eerst wordt door het beeld van de jachtende roeken en de kleur van het erf in de winter de dood opgeroepen. Dan komt de ik op een ratelende boerenkar aanrijden. Onder het geboomte bij de vaart staat het silhouet van een vrouw tegen het water aan te praten. Wie is zij? Leeft ze nog of is zij een herinnering van de ik? De laatste strofe van 1 suggereert dat ze niet meer tot de stervelingen behoort. Wat doet ze daar? Is er iemand verdronken? Of stond zij zó tijdens haar leven vaak bij het water? Het staat ondubbelzinnig in het voorgaande gedicht: ‘net te swijen oer de frou dy't har ferdronk / by wize fan befrijing’.

Trotwaer. Jaargang 32 Ook 2 begint met een beeld van winter en dood. Op het pad bij de voordeur stonden sporen in de sneeuw... van haar naaldhakschoe-

Trotwaer. Jaargang 32 134 nen? We zijn met de dichter teruggegaan naar zijn jeugd, naar de tijd van zijn eerste heilige communie. Hij liep toen achter haar aan. In 3 hoort hij in de verte de riemslag van boer Bakkers pont. De Styx wordt opgeroepen, de veerman en zelfs de hellehond, hier een Duitse herder. De boer zegt dat het al laat is als hij nog naar de Hel en het Heidenskip wil. Dit zijn buurtschappen, maar de namen zijn betekenisvol genoeg. De ik gaat over schotsen naar de overkant, maar de boer nodigt hem uit aan boord. Hij is schipper, geen lijkenvisser. Hij biedt hem zijn bakfiets aan als hij de vrouw (moeder?) wil vinden in de Hel (de buurtschap). Zij is hem al een eeuwigheid vooruit, zegt de boer. De ik is op jacht naar haar èn wordt opgejaagd door de beelden van het verleden. Hij moet, archaïsch gezegd, er kond van doen. De dichtbundel is geen Akte van Liefde of Berouw, zo een als de ik in zijn jeugd heeft leren bidden, maar een Akte van Winter.

Njonken de dampende rûchskerne set in krie printen yn de snie, sa't earne tenearennacht tiid my de akten fan dea te betekenjen komt.

Hier is ‘Akte’ een teken van kou, van dood. De jacht in het leven lijkt veel te beloven, maar we komen uit in sneeuw en ijs. Onze jeugdige kracht en lenigheid doen ons een hoge vlucht nemen, hoger, hoger, de zon lokt, in galop door de lucht... maar daar vallen we, voor eeuwig weg. Over blijft, even, ons spoor in de sneeuw. Zo somber eindigt de bundel niet. Het laatste gedicht geeft uitzicht op lente, op bevrijding, zoals het schrijven van de gedichten (en het lezen!) ruimte biedt voor nieuw leven. ‘Dit is de stream dy't harsels fan winter ferlost, / de iepenbrutsen mûle fan maart.’ en ‘romte / dêr't wetter begûn is te praten.’ Stilstand en beweging.

(Met dank aan Teake Oppewal.)

Trotwaer. Jaargang 32 135

Snypsnaren Besykjen ta in analyze fan Piksjitten op Snyp Tr. Riemersma

Dizze analyze haw ik benammen útfierd om sels wat greep op Josse de Haan syn nijste roman te krijen. Miskien kinne oaren der ek wat oan hawwe. It is myn doel net om resinsinten it gers foar de fuotten wei te meanen.

Ferskillende skriuwers/fertellers

Der binne trije persoanen dy't in promininte rol yn 'e roman spylje, de Grutsk, de Lytsk en ‘Ik’. Hoe ferhâlde dy har ta inoar? En wa is/binne de skriuwer(s)? Op side 299 skriuwt de Grutsk: ‘Oer de foarm wol ik noch net tefolle neitinke. Yn it begjin. Dat komt letter wol. De foarm sil him sels wol skriuwe.’ Op dat stuit is twatredde fan it boek ôf - fan ‘it begjin’ is hjir allang gjin sprake mear. It leit dan ek net foar de hân om te ornearjen dat de Grutsk it hat oer de roman dy't yn 1999 ferskynd is mei it ISBN-nûmer 90-6570-317-9. Ek al seit er op side 357 dat de titel fan syn roman ‘Piksjitten op Snyp’ wêze sil, hy moat op in oare roman doele. De roman dy't de Grutsk yn 'e holle hat, sil bestean út 'e stikjes dêr't de Lytsk haadpersoan yn is. Dy teksten binne - alteast sa haw ik dat begrepen - troch de Grutsk skreaun. Fierders út noch in stikmannich teksten fan de Grutsk: petearen (ek oantsjut as ‘toanielstikjes’), fersen, dokuteksten, faksteksten. En nei alle gedachten soenen der noch folle mear teksten yn dat boek fan de Grutsk komme. ‘Ik’ - de oare skriuwer - seit teminsten dat it yn de Grutsk syn flet fol hinget mei allerhande kladsjes mei teksten dy't er útwurkje wol. Safier is it lykwols noait kommen. De roman dy't foar ús leit, is de Grutsk de Urheber net fan. Alle teksten dy't er skreaun hat, binne der wol yn opnommen, mar dy meitsje mar goed de helte fan it geheel út. De lytste helte fan 'e tekst is net skreaun troch de Grutsk, mar troch in oare skriuwer/ferteller dy't ik mar Jos neame sil. It dwaan en litten fan de Grutsk wurdt ornaris yn 'e hy-foarm beskreaun, en dat hâldt ommers yn dat der boppe de Grutsk in oare ferteller stean moat. Boppedat, de haadstikken einigje mei in stik yn 'e ik-foarm fan de oare skriuwer, en dy stikken hat de Grutsk gjin weet fan. Der is dus in ferteller Jos, dy't in ferhaal fertelt oer de Grutsk, dy't in roman skriuwe wol. De Grutsk syn roman komt net ôf, en dat hindert neat. Mar Jos kin it him net permittearje dat s?n roman stykjen bliuwt. Hy moat der dêrom foar soargje dat er mei de stikken dy't de Grutsk skriuwt en mei de stikken dy't er sels oer de Grutsk skriuwt in geheel kriget dat befredigjend is. Oft dat slagge is, moatte de kritisy besjen. Mar der is mear. Neist en tsjinoer de Grutsk set de ferteller Jos noch in oare skriuwer, te witten ‘Ik’. Dy ‘Ik’ is as skriuwer in parasyt: hy wol in roman skriuwe op grûn fan it materiaal fan de Grutsk en ek noch mei de Grutsk as haadpersoan. It wurdt sa foarsteld as binne de Grutsk en ‘Ik’ beide ôfkomstich út Snyp en as

Trotwaer. Jaargang 32 136 ha se likernôch deselde oantinkens. Ik freegje my ôf: moatte wy de Grutsk en ‘Ik’ beskôgje as lykweardige skeppingen fan ferteller Jos? Hawwe se as skriuwers deselde kreative fermogens? Binne de mannen oaninoar weage? Is ‘Ik’ net earder op te fetsjen as in ‘ferklaaiïng/fermaterialisearring’ fan 'e almachtige en alwittende ferteller Jos, bedoeld om syn eigentlike haadpersoan te kontrolearjen? Kwa tekstoanpart is ‘Ik’ fansels lang net lykweardich oan de Grutsk, boppedat jout ‘Ik’ der oan 'e ein fan haadstik acht hookstrooks en sûnder deugdelike motiven de brui oan. It is krekt as hat Jos dy figuer fan ‘Ik’ skepen om in mooglikheid te hawwen om yn te gripen as it mei dizze roman drige mis te betearen. Oan 'e ein fan haadstik acht hat Jos grif safolle betrouwen yn 'e goede ôfrin dat er ‘Ik’ fuortskriuwt. Dit is fansels mar understelling, ik kin wol finaal mis wêze.

Oardering

Nochris werom nei side 299 dêr't de Grutsk beprakkesearret: ‘Oer de foarm wol ik noch net tefolle neitinke.’ Ferteller Jos hat it probleem fan 'e foarm dan allang oplost. Elk haadstik hatyn grutte halen deselde opset: earst komt de Grutsk oan it wurd, dan de Lytsk en as lêste ‘Ik’. Haadstik trije hat dêrnei nochris stikjes de Grutsk en ‘Ik’ en yn haadstik njoggen mist it ‘Ik’-part. (Der komt ek nochris in psyk oan it wurd, mar dat kin neat skele.) Ferteller Jos hat it wiswier net op it rammeljen fan 'e pels oankomme litten, de roman hat in trochtochte komposysje mei in parallelle haadstikopbou. De parten fan 'e trije persoanen binne ornaris ûnderferdeeld yn lytsere tekstparten. By de Grutsk en ‘Ik’ is it tal fariabel, mar de Lytsk syn tekst bestiet yn elk haadstik út trije parten. De teksten oer de Grutsk (ynklusyf de troch de Grutsk skreaune faksteksten, toanielstikjes ensfh.) beslagge 40 persint fan 'e totale tekst. De teksten fan de Lytsk beslagge 47 persint fan 'e tekst, dy fan ‘Ik’ mar 13. It is dúdlik dat ‘Ik’ in marzjinale figuer is. (Foar de goede oarder: ik haw de totale tekst op 460 siden begrutte, de noaten en it foarwurk haw ik net meirekkene.) As helpmiddel foar it berekkenjen fan elk syn oanpart yn it geheel fan 'e tekst haw ik yn 'e ynhâldsopjefte G, L of I achter de haadstikjes set. It liket dan oft de Grutsk foar master opslacht yn dit boek. Der binne 27 L-parten, 25 I-parten, mar wol in 80 G-parten. De oarsaak hjirfan is, dat de teksten fan de Grutsk en fan ‘Ik’ folle mear ûnderferdeeld binne en dus per stik folle koarter. De stikken fan de Grutsk en fan ‘Ik’ binne trochinoar 2,3 siden lang, de stikken fan de Lytsk binne trochinoar 8 siden lang. It is ferliedlik om dêr wer hypotezen oan te ferbinen. Bygelyks: by dy de L-stikken skreau Jos foar it faderlân wei en de stof streamde him oan, mar by de stikken fan de Grutsk en ‘Ik’ heakke it allegeduerigen en dan makke er mar wer in nij begjintsje. In oare, grif steviger hypoteze is: de de L-stikken foarmje de rêchbonke fan 'e roman: 1. de L-stikken foarmje mei-inoar it grutste oanpart yn 'e tekst, 2. de L-stikken binne per stik fierwei it grutst, 3. de L-stikken komme tige regelmjittich - trije per haadstik - oan 'e oarder.

Trotwaer. Jaargang 32 Tempus

Ik haw de earste haadstikken krekt besjoen en de folgjende trochblêde. De konklúzje kin wêze dat, ôfsjoen fan in inkelde ôfwiking, de stân fan saken sa is: de Grutsk- en Ik-parten hawwe notiid de Lytsk-parten hawwe doetiid. Neffens Harald Weinrich hawwe no- en doetiid neat mei tiid noadich, mar wy brûke de notiid om de wrâld te besprekken en de doetiid brûke

Trotwaer. Jaargang 32 137 wy om de wrâld te fertellen. De opfetting fan Weinrich haw ik altiten tige ferhelderjend fûn. Ik haw ienris in skripsje lêzen dy't yn 'e doetiid steld wie; neffens my wie dat tempus ûngaadlik om te analysearjen, de skripsje begûn út te skaaien nei in romantisearre ferslach. Oan 'e oare kant wit elk dy't wolris in roman yn 'e notiid skreaun hat, dat it in toer is om fuortgong en faasje yn it ferhaal te hâlden. De notiid is statysk, de doetiid is dynamysk. It hert fan it proazaferhaal is de feroaring fan in tastân yn in oare tastân. Der wie ris en doe... Wêr't gjin feroaring is, is yn feite gjin ferhaal, mar is beskôging, betooch, eksklamaasje... De tempuskar fan Jos befêstiget my nochris yn myn miening dat wy mei de de L-parten it wêzentlike, it sintrale fan 'e roman te pakken hawwe. Hjir wurdt ferteld, hjir is fuortgong, hjir bàrt wat. De G-parten en de I-parten binne sekundêre of ôflate teksten. Foar de ferteller Jos kinne se wol it alderwichtichste wêze, en foar in lêzer (besprekker) grif ek wol, mar struktureel sjoen binne se de twadderangs. Men kin it ek oars, en wat pesterich, sizze: de roman is yn essinsje in normale, ‘âlderwetske’ roman mei wat literêre kluchten der omhinne.

Fertelsitewaasje

Ferteller Jos moat it folsleine oersjuch oer de proazawrâld hawwe, syn eachweid moat dat fan 'e alwittende ferteller wêze. Dy alwittendheid hie er by beskate personaazjes frijwillich beheine kinnen ta in personale fertelsitewaasje, mar dat docht er net. Hy hâldt de toutsjes yn hannen. Oer ‘Ik’ kinne wy koart wêze. ‘Ik’ is òf in romanfiguer dy't fan Jos it rjocht krijt om sels it wurd te fieren, òf ‘Ik’ is in ferklaaiïng fan Jos. De kar auktoriaal-personaal (of mear fan it iene of mear fan it oare) spilet by de Grutsk en de Lytsk Oer de Grutsk wurdt ferteld: ‘Hy is wat fuortgroeid út dat libben fan fersen, foarlêzen, ophakkerij, dranknachten en neukpartijen. Dy tiid leit achter him, sa't ek de perioaden fan in regulier houlik, in fêste baan en in foarskreaun wykliks ritme net mear besteane. De âlde doarpkes en de lytse stedsjes hat er ynwiksele foar in toerflet yn de Grutskstêd. Tolve heech mar leafst, kelders en garaazjes meirekkene sels fjirtjin etaazjes.’ (15) Dy opneaming is nei alle gedachten net fan 'e persoan sels, der is gjin reden om dat allegearre op dit stuit te tinken. It is hjir de auktoriale ferteller dy't de lêzer ynljochtet oer syn haadpersoan. Noch in foarbyld: ‘De Baarch wie omleech fallen sa't se dat yn Snyp sa aardich omskreaunen. De Lytsk tocht by dat wurd oan heel wat oars. Ut in beam kneppelje, fan de brêge yn de opfeart donderje of út it sweefbakje sile.’ (23). ‘sa't se dat yn Snyp sa aardich omskreaunen’ kin De Lytsk net tinke, hy wit nammentlik net dat it om byldspraak giet. Hy kin begripe dat De Baarch fallen is, miskien út in beam of fan 'e brêge. Mar hy kin net ‘oan heel wat oars’ tinke, hy wìt net dat it om wat oars giet. Wer heakket de alwittende ferteller ynformaasje ta oan it tinken en it belibjen fan 'e persoan. By beide, De Grutsk en De Lytsk, wurdt de yndruk dat de personaazjes fan bûtenôf ynstee fan fan binnenút beskreaun wurde, befêstige troch it feit dat de ferteller syn susjetten net oantsjut as ‘hy’, mar as De Grutsk en De Lytsk. By de De Lytsk-parten

Trotwaer. Jaargang 32 wiist ek it taalgebrûk op in fertellende ynstânsje mei mear taalkennis as in lyts jonkje: ‘Dy wiene ek net daalk grutte foarbylden fan yntelliginsje’ (23); ‘Nettsjinsteande har earmoede die De Baarch oft se út gouden skalen iet.’ (23) - sa tinkt in lytse jonge net.

Trotwaer. Jaargang 32 138

Hat Jos dan de ferkearde fertelsitewaasje keazen? Dat hinget ôf fan it doel dat er him steld hat. De auktoriale fertelsitewaasje hat foar, dat de ferteller de personaazjes better yn 'e hân hat en de lêzers mear stjoere kin yn har resepsje, de personale hat foar dat it personaazje folle selsstandiger en yndividueler nei foaren komme en dat de lêzer mear frijheid hat yn it selsstannich realisearjen fan it ferhaal. Dit is net in suvere opposysje, of sels helendal gjin opposysje, it is in kwestje fan mear en minder. By de auktoriale fertelsitewaasje hat de ferteller mear ynbring, by de personale de personaazjes en de lêzers. Ik tink dat Jos út syn bedoeling mei dit boek wei goed keazen hat. Hy woe in boek skriuwe mei in fyzje, in boadskip en dan paste him in auktoriale fertelsitewaasje it bêste. Wat ik niis wat gekoanstekkerich beneamd haw as ‘literêre kluchten’, dat sil dochs wol ynterpretearre wurde moatte as de kearn fan it boek. Net allinnich de persoanen de Grutsk en de Lytsk hawwe gebrek oan bewegingsrûmte, dat hat de ferteller ek. Gewoanlik hat de auktoriale ferteller de mooglikheid om himsels in eigen lûd yn it ferhaal ta te eigenjen, wêrtroch't er syn personaazjes op in (lytse) distânsje besjen kin en de mooglikheid hat ta nuansearring, irony, of wat ek. Dat is hjir ek net it gefal. Ik sitearje de lêste rigels fan side 15: ‘Ek dy sin lêst er in pear kear. Hy knikt mei de holle. Prachtich eins. Yn dy trije sinnen leit in wrâld beskûle. In roman hast. Foldien leit er de pinne del. Dit is net gek nei in heale dei neitinken.’ As lêzer fyn ik dit earlik sein mar in skeamele risping. Mar ik fernim hjir gjin knypeachje fan 'e ferteller, dat ik moat wol konkludearje dat de ferteller dy sin ek prachtich fynt en dit as rispinge fan in heale dei neitinken wol de muoite wurdich achtet. Personaazjes en ferteller sitte dus folslein fêst en se kinne gjin oare kant út as Jos wol. En dêrmei kin ek de lêzer gjin oare kant út as Jos wol. It is bûge of barste. Noch ien ding: trochdat Jos de toutsjes sa strak yn hannen hâldt, kinne de personaazies net ta yndividuele ûntploaiïng komme, haw ik mei oare wurden al sein. Foar de beide skriuwers, de Grutsk en ‘Ik’, hat dat as gefolch dat se net folle fan inoar ferskille. ‘Ik’ lit him der wol op foarstean dat er rasjoneler is as de Grutsk, mar yn de sêne wêryn't ‘Ik’ de Filippynske hoer as demonstraasjemateriaal brûkt by syn lessen, liket er as twa drippen wetter op de Grutsk - dy hie sokke kluchten ek útheve kinnen. ‘Ik’ bringt net echt in alternatyf oan yn dit boek, mar in werhelling. Ik sis net dat dat ferkeard is, ik tink dat Jos dat sa wollen hat.

Mar no bin ik ek oan 'e grins fan 'e krityk kommen, dat ik hâld op.

Trotwaer. Jaargang 32 139

Willem Schoorstra Har wiete lea foldien

sa spraat it waad de skonken om de basalten pier, de rysdammen, flijt mei de amme fan 'e moanne it wetter fan har skie no tsjin de stiennen, blikke prikken, it lân

dat leit te wachtsjen, de slinken dy't harren bedrinke sille oant se weiwurde yn de krampen fan hertstocht, de oerfloed as sâlte sjampanje oer harren hinnespielt

en kriezjend derboppe de kobben wite skaden fan ûnrêst, finzen yn 'e kouwe fan ferwachting dy't wolkjend oan 'e sinne hinget, en, mear noch, tsjin de mjitlatte fan

de einder, in skym fan eilannen hymjend tsjin it boarst fan 'e see, de glandige dy't har wiete lea foldien wer fan it lân weromlûkt, it puollemuolkjend lizze lit

(Rektifikaasje maartnûmer, side 51)

Trotwaer. Jaargang 32 140

In freoneboek Sjoerd Bottema

Omrop Fryslân / Under ien dak, gearstald troch Gryt van Duinen, Saapke Miedema en Rein Tolsma. Ljouwert 1999. 96 siden. f 25.

‘Mei dit boekje wol de redaksje it ferline as it kin noch fêstlizze. Om der sa no en dan nochris nostalgysk op werom te sjen. Tagelyk besykje we in byld te jaan fan de wurkwize hjoeddedei, yn ferhalen en foto's.’ Dêrta binne in grut tal meiwurkers fan doe en no útnoege om in stikje te skriuwen en dêrby in aardige foto yn te sluten. It einresultaat hat wat wei fan in liber amicorum, mei in soad skouderklopkes en amper krityske lûden. Allinne Jehannes Spyksma monkelt wat oer it ûntbrekken fan moaie harkspullen, lykas hy dy eartiids makke: ‘In pear jier lyn is der mei op oanstean fan âld-spylders besocht de Fryske harkspultradysje wer op te pakken. Dat oanbod waard troch de lieding fan Omrop Fryslân net oannommen.’ En Klaas Jansma hat it - as freelancer dy't alles die, ‘ik hie oeral ferstân fan of in idee oer’ - net altyd nei 't sin hân: ‘Der ha yn alle gefallen tiden west dat net alle redakteuren en technisy likke foarkommend tsjin my as fretter fan alle wâlen wiene, om it mar foarsichtich te sizzen.’ Oan de binnenkant fan foar- en achterflap stiet as in soarte fan subtitel of motto in sitaat fan Obe Postma: it hat west (ûnder in foto fan de âlde radiostudio by de Prinsetún) / it is (ûnder in foto fan it nije studiokompleks op it bedriuweterrein De Hemrik): Omrop Fryslân still going strong! Net ien liket echt gelokkich mei it ynruiljen fan de âlde smûke studioromten yn it sintrum fan Ljouwert (‘it hat west...’) tsjin it kolossale nijboukompleks oan 'e râne fan 'e stêd, mar de noazen stekke allegear wis en beret foarút (‘it is’: en no sil it werklik heve!), behalve dy fan de losse meiwurkers Johan Veenstra en Hendrik ten Hoeve:

Et zal me verdikkeme wennen wodden! Omroep Frieslaand verhuust van et mooiste plakkien van Liwadden, tussen Ooldehove en Preenzetuun naor de nearziche suburbs van de heufdstad. De nieuwe tijd, net wat u zegt. Jim zien et wel, ik hebbe zuver drie butenlaanse taelen neudig om de ontzetting van me of te schrieven. Ik kwam graag in de studio en de kantine. Mooi sentraal in 'e binnenstad en dicht bij huus. Ik hew trouwens as gemeenteraadslid altied fonnen dat de media sentraal in de stad sitte mutte, dus niet op un industrieterrein. Daarom was ik oek altied foor nieuwbou op ut grasfeld an 'e Groeneweg. Ik fien ut daarom wat suur, dat de laatste plannen fan 'e gemeente binne dat der wel un gebou komme mag en daarom seg ik: ‘Ut had niet weze mutten.’

Sûnt 1994 is Omrop Fryslân tolve oeren deis oer de radio te beharkjen. Yn dat jier wie ek de earste televyzje-útstjoering. It is allegear begongen mei in goed healoere radio yn 'e wike. Op 19 jannewaris 1946 sette de RON, de Regionale Omroep Noord, yn de Prinsenhofstudio yn Grins útein. Ek de Fryske útstjoerings waarden yn Grins makke. It soe oant 1968 ta duorje foar't de programma's út in eigen studio yn Ljouwert kamen. De Fryske útstjoering

Trotwaer. Jaargang 32 wie doe trije jûnen yn 'e wike in goed healoere yn 'e loft. Yn 1970 waard de stjoertiid op 'e nij útwreide: alle dagen, behalve sneins, in healoere.

Trotwaer. Jaargang 32 141

De sniewinter fan 1979 - tsientallen doarpen wiene doe in lyts wike fan 'e bûtenwrâld ôfsluten troch sniestoarmen en dúnfoarming - brocht it proses nei mear stjoertiid yn in streamfersnelling: Radio Fryslân wie doe de hiele dei yn 'e loft as in soarte fan koördinaasjepunt foar ynformaasje oer de ‘tastân’ yn it ûndersnijde Fryslân, de nijste ûntwikkelingen, fragen om help en antwurden op fragen. ‘... nei 5 dagen “snieradio”,’ skriuwt programmalieder Rein Tolsma, ‘wist hiel Fryslân dat der regionale omrop wie. Soks wie mei in djoere reklamekampanje noait slagge.’ Under it publyk wie it ferlet nei mear stjoertiid losmakke. Mar de meiwurkers wiene dêr ynearsten net sa happich op. ‘Mear oeren yn 'e loft sûnder it jild dat derby hearde wie in skrikbyld.’ Yn 1980 kaam it earste middeisprogramma, fjouwer dagen yn 'e wike in healoere. Yn tsien jier gong de stjoertiid omheech fan 8 nei 25 oeren wyks. ‘Stadichoan waard de hele moarn fold en sûnt 1 jannewaris 1994 ek de middeis.’ Omrop Fryslân is merklieder yn de eigen provinsje: tusken de 20 en 25 persint fan de harkers stimt ôf op de Fryske stjoerder. Omrop Fryslân rint dêrmei fier op kop en hat allinne serieuze konkurrinsje te duchtsjen fan Sky Radio, dat in merkoandiel hat fan tusken de 15 en 20 persint. Op it mêd fan de stjoertiid is der yn in heale ieu dus gâns feroare, fan marzjinaal nei breed, en de ynhâld fan de programma's is derby oanpast: yn 'e rin fan 'e jierren ferskoot de klam hyltyd mear fan ‘kultuer’ nei aktualiteit, sport en benammen ferdivedaasje: ‘gesellige’ tillefoanpetearkes en -kwiskes en oare babbelruntsjes dy't har as in besmetlike sykte oer de Fryske eter útwreide ha. Omrop Fryslân is dêrmei echt in brede publike omrop wurden, mei in soad ôfwaaid praat fan en foar âlde wiven. Fan beide seksen fansels - en fan alle leeftiden, soe ik der hast oan tafoege ha, mar dat lêste giet yn dit gefal net op: ûnder de jeugd is der net folle belangstelling foar Omrop Fryslân. Piet Hemminga, foarsitter fan de programmaried, is dat ek opfallen: it is in al wat âlder publyk dat nei de regionale omrop harket en sjocht. Neffens Hemminga is dat op himsels net sa slim ‘om't jongelju yn it algemien de eigenskip hawwe fansels âlder te wurden,’ mar hy wol it der dochs net by sitte litte en fynt dat der mei gauwens in twadde Frysktalige stjoerder komme moat, ien dy't him spesjaal rjochtet op jongeren.

Mei al dy foto's dy't de lju ynstjoere mochten, sjocht it freoneboek fan Omrop Fryslân der oars aardich genôch út, mar dochs wol it mei de ‘nostalgy’ net rjocht slagje. Dêrfoar rekket de sfear fan eartiids tefolle bedobbe ûnder in opsomming fan allerhanne getallen, jiertallen en nammen fan persoanen, stichtingen, ferieningen en organen. De measte stikjeskriuwers funen it kenlik wol sa feilich en maklik om wat feiten en feitsjes op in rychje te setten as om in sfearympresje te jaan. Sûnder der echt by yn sliep te fallen fersile ik ûnder it lêzen dochs wat yn in slomjende tastân, dêr't ik sa no en dan út opskrille, as der ien wat te melden hie bûten it getalle- en nammesirkwy. Doet Visser bygelyks, oer de bytiden wûnderlike yn- en útrinders dêr't hja as sekretaresse/resepsjoniste mei ompakke moast. Of Heinze Bakker oer Sjouke van den Akker, de toernoaispeaker by it fierljeppen yn Winsum, dy't mei in Japanske kameraploech de ôfspraak makke hie om harren te warskôgjen as der in wichtige sprong komme soe: ‘It wie safier: by de froulju wie de oansteande kampioene oan bar. En Van den Akker wie fan betinken dat soks de Japanske TV net ûntgean mocht. Mei

Trotwaer. Jaargang 32 142 de mikrofoan wiidst iepen davere it doe oer it hiele terrein en oer de tûzenen taskôgers hinne: “Attention, Japanese televisionmen, the next girrrl is forrr you!”’ En Eelke Lok oer de grutste lul dy't oait as bobo yn Fryslân omrûn hat, kommissaris Wiegel, dy't op in stuit genôch hie fan Eelke syn krityske fragen: ‘Wiegel luts oan syn sigaar en walme my in grutte reekwolk yn 'e snút. En ik, kloat as ik wie, altyd dwaande om minsken thús te fertellen wat ik seach, ik fertelde neat oer dy smoarge reekwolk, mar draaide alhiel betize in hakkeljend ein oan it petear. Stom.’ Stom ja. It hie in moaie kâns west om de selsfoldiene arrogânsje fan dy gewichtige kwast te ûntmaskerjen. Stom, of leaver sein spitich is it ek dat yn it boekje in bydrage fan of oer Akke Radsma ûntbrekt. Foar de nostalgy, dy't no wol neistribbe mar meastentiids fier te sykjen is, hie dat in goede saak west. Har Oer de hage wie ien fan de toppers út de jierren fyftich en in programma-ûnderdiel - nei alle gedachten it iennichste - dat suver elk noch heucht dy't yn dy jierren nei de Fryske útstjoering harke.

Trotwaer. Jaargang 32 143

In favoryt fers aktualisearre Frâns Holwerda

Foar myn favorite fers ha ik in kar makke út wat ik foar mysels neam ‘de heitefersen’. Ik mien dat wy dêr yn it Frysk hiele moaie fan ha. Sa is der it weemoedige ‘Ast fyftjin bist’ fan Jan J. Bylsma, mar ik nim in fers fan Reinder R. van der Leest, út de bondel Wyn en fearren (1986) en ek opnaam yn de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Famke

bibeth kaam oan de doar om in hockeystick te lienen gjin bern mear en noch net in jonge frou ynmoedich stie se foar de drompel mei grutte eagen dêr't de spyldriuw net yn fonke mar 't gleonjen fan in djipper koarts as by in farrende dy't oan de reling langjend nei de iepen kimen sjocht en tagelyk de pine fielt om de ferlitten haven dêr't nea wer oanlein wurdt troch boaten fan de jeugd bibeth kaam oan de doar om in hockeystick te lienen

En dan tinkst: Tachtiger jierren. Bibeth in jier as fyftjin/sechtjin. Se soe no in tritiger wêze. Miskien sa'n frou fan: Hoe-sil-ik-no-fierder? In bern? In man miskien?... Soe in fers oer har dan no sà skreaun wêze? Frou

bibeth liet my der yn om in quatre-mains te spyljen frijfaam noch en al hast in ripe frou ynmoedich stie se oer de drompel mei grutte eagen dêr't de spyldrift net yn fonke mar 't gleonjenfan in djipper koarts as by in farrende dy't oan de reling langjend nei de beskûle haven sjocht en tagelyk de pine fielt om de ferlitten rûge baren dêr't nea wer dûnse wurdt mei boaten fan de jeugd bibeth liet my der yn om in quatre-mains te spyljen

(Bydrage oan it Literêr Poadium yn Teater Romein te Ljouwert op 29.01. 2000. Mei tank en ekskús oan R.R. van der Leest.)

Trotwaer. Jaargang 32 144

Biten en brokken Jan Pieter Janzen

De boekeproduksje

Yn trochsneed ferskine der alle jierren sa'n hûndert Fryske boeken. Dat komt del op ien titel per fjouwertûzen Frysktaligen. Yn Nederlân en Flaanderen leit de produksje op rûchwei tsientûzen ‘algemiene’ boeken (wittenskiplik wurk en skoalboeken net meirekkene). Dat is útgeande fan tweintich miljoen Nederlânsktaligen ien titel per twatûzen. Dus ‘mar’ twa kear safolle as yn Fryslân, wylst yn it Frysk it mear literêre wurk relatyf oerfertsjintwurdige is. Noch net sa gek, sjoen de behyplike basisfoarwearden (de taalmacht fan it Nederlânsk yn ûnderwiis en media û.o.) en it feit dat yn dit lytse taalgebiet amper hobby-, itensieders-, reis- en kompjûterboeken ferskine. Dêr komt noch bij dat de priis besjen lije kin: it Nederlânsk lêsboek is gemiddeld fiif gûne djoerder as it Fryske (resp. f 30 en f 25). It bliuwt in lyts wûnder, dat Fryske boek: tsjin de ferdrukking yn en dochs net lyts te krijen. Sterker noch: ‘Der binne noch nea safolle Fryske teksten makke as hjoed de dei. Der ha ek noch nea safolle Fryskpraters west, want it persintaazje mei dan gelyk bleaun wêze, it tal ynwenners fan de provinsje is tanommen.’ (Teake Oppewal, sitearre yn Trotwaer fan juny 1998) Ofgeande op it febrewaarjenûmer fan BoekeNijs en eigen ynformaasje, want kompleet is it nijste oersjoch net, kamen der sûnt de Sutelaksje fan foarige hjerst 36 nije Frysktalige útjeften bij: trettjin proazawurken foar folwoeksenen, njoggen fersebondels, acht berne- en jongereinboeken en seis oarsoartige útjeften. (En dan wienen der fansels noch de tydskriften, dy't dizze produksje mei mooglik makken.) Sjogge je nei de útjouwers dan docht him it nuvere ferskynsel foar dat de grutten foar de lêste Boekewike eins minder dien ha as de lytsen. Nûmer ien wie de Afûk/Utjouwerij Fryslân mei sân útjeften, twadde de Koperative Utjowerij mei seis, trêde Utjouwerij Frysk en Frij mei fiif, fjirde Utjouwerij Bornmeer mei fjouwer en fiifde de Friese Pers Boekerij en de Kristlik Fryske Folksbibleteek elk mei trije, de Fryske Akademy (de ferrassende winner fan de etalaazjewedstriid fan de Fryske Boekewike) mei twa útjeften en seis (gelegenheids)útjouwers elk mei ien útjefte. Konklúzjes: o der is in grut ferskaat fan meast lytse, selsstannige útjouwers; o de Friese Pers Boekerij hat net it monopoalje krigen dêr't guon wolris bang foar west ha - krekt oarsom: wat it Frysk oangiet is dy in middenmoater (ek al ha se dêr wer in fulltime direkteur, dy't in jier lyn oankundige: ‘Wij willen de komende tijd veel aandacht besteden aan de fondsvorming. Het is best mogelijk dat we straks zeggen: één dichtbundel per jaar is wel wat weinig, dat mag er één meer zijn.’ - in bondel dy't der noch komme moat); o it aktyfst binne: de Afûk/Utjouwerij Fryslân, de KU, Frysk en Frij (mei monumintale útjeften fan it dichtwurk fan Tsjits Peanstra en Douwe Tamminga) en de lêste tiid foaral ek Bornmeer; o de Oare útjouwerij fan Goaitsen van der Vliet, dy't oars sokke moaie dingen die, docht net mear mei: dêr is it lêste jier gjin Frysk ferskynd;

Trotwaer. Jaargang 32 o nij is de ynternetútjouwer Gopher yn Grins, fia de KFFB en partikuliere útjeften ek op

Trotwaer. Jaargang 32 145

Frysk terrein warber (se lizze gjin foarried oan mar leverje op bestelling; sjoch: www.gopher.nl).

It sjocht der alles bijelkoar net iens ûnaardich út, al bliuwt it Fryske boek kommersjeel sjoen fansels net it meast oantreklike. It is de takomst wol treast: der is romte foar elk dy't skriuwe wol en ferskaat genôch foar elk dy't lêze wol. Ek op it Ynternet: sjoch de thússiden fan it FLMD (www.flmd.nl) en fan skriuwers lykas Joop Boomsma (membersl.chello.nl/~j.boomsma02), Eric Hoekstra (www.fega.demon.nl), Meindert Talma (www.meinderttalma.nl) en Cornelis van der Wal (mx2.xooo.com/knilles) - foaral wat dy fan Boomsma oangiet mei nijsgjirrige ynteraksje.

In demagogyske boppeslach

Je moasten wol lef ha om tsjin it oanbliuwen fan Wim van Krimpen as direkteur fan it Frysk Museum te stimmen. Foar of tsjin moderne keunst, dat wie ommers de kwestje dy't Van Krimpen der op 13 febrewaarje mei syn spektakulêr privee-referendum fan makke. En dat is him prima slagge: 1891 stimmen foar de foarútgong en 893 tsjin (net allegear fia de foarskreaune, orizjinele LC-strypkes mar dêr stroffele sels de tsjinstdwaande notaris net oer). It NOS-radionijs fette de saak de oare deis treflik gear: ‘Gedeputeerde Mulder en een aantal Friese maatschappelijke organisaties verwijten Van Krimpen dat hij het Fries Museum wil moderniseren.’ Ek LC-sjoernalist Nico Hylkema siet op dy lijn. Op de Ynternetsiden fan NRC-Handelsblad brocht er Van Krimpen syn polarisaasje sa ûnder wurden: ‘Voor even is Friesland het toneel van een strijd tussen oude en nieuwe krachten. Een humorloze socialist van het oude stempel, een echte apparatsjik tegen een man die misschien een beetje te veel relativeert.’ Doe wist ik dus foargoed dat ik bij de reaksjonêre hoeders fan it Fryske erfskip hearde. Want ik ha net allinnich tsjinstimd, ik fyn ek noch dat deputearre Bertus Mulder him yn dizze kultuerstriid prima houden hat. Troch him net provosearje te litten (‘Ien stik p.r., dêr doch ik net oan mei.’) en troch op de dei fan de stimming in cd yn ûntfangst te nimmen mei in Frysktalige mis op muzyk fan û.o. in Finske en in Tsjechyske komponist (‘In goed foarbyld fan Fryske kultuer ferbûn mei hjoeddeiske muzyk.’). Earder al hie de ferantwurdlike politikus witte litten dat de gong fan saken bij it museum him lang net sinnige: ‘Van Krimpen hat him te hâlden oan ôfspraken. We hawwe mei alderhande ynstellings goede kontakten. Wat Van Krimpen oangiet is it fan it begjin ôf dreech gien. Ik fyn syn optreden ûnferstannich, mar benammen ek ûnfatsoenlik.’ Dêrom woe Mulder earst mar ris mei it museumbestjoer prate. Mis, neffens LC-haadredakteur Pieter Sijpersma: ‘De politicus die op de stoel van de cultuurmaker gaat zitten, kent zijn plaats niet.’ Krekt as soe in jildsjitter neat te sizzen ha oer it belied fan de subsidiearre ynstellings. Dy moatte geregeldwei mei beliedsplannen, produktbegruttings en ferslaggen komme, dêr't se dan op ‘ôfrekkene’ wurde. Sa giet soks yn in demokrasy. De útslach fan it petear tusken de Provinsje en it bestjoer fan it Frysk Museum wie dat it museum trochgean mei op de wei dy't ûnder lieding fan Van Krimpen

Trotwaer. Jaargang 32 ynslein is (mear aksint op moderne keunst en fierdere profesjonalisearring fan de organisaasje), mar dat se har dêrbij wol te hâlden ha oan de regels en de ôfspraken dy't ek foar oare subsydzjesliners jilde. Fan 't maityd wurde der ‘produktôfspraken’ makke foar de kommende trije jier. Dêrbij komme alle aspekten fan it museumbelied oan

Trotwaer. Jaargang 32 146

'e oarder, dus ek de ferhûddûke argeologyske ôfdieling. De Kostúmkommisje en de provinsjale museumkonsulint, dy't Van Krimpen der foar 1 maart út hawwe woe, krije útstel oant takom jier. Op de dei fan de folkstimming sei Van Krimpen mear as ien kear dat er och sa foar ‘in iepen diskusje’ is. Dêr wie yn it it tv-programma De Plantage, dat de útslach live bekend makke, lykwols neat fan te fernimmen. De wize dêr't Van Krimpen syn opponint Meindert Schroor op besocht leech te lizzen, koe Paul de Leeuw noch wat fan leare (al moat ik tajaan dat dy bij de presintaasje fan de Fryske bijdrage oan it Nederlânske Songfestival yn ‘westerske’ arrogânsje net foar him ûnderdie). At it oan Van Krimpen lein hie, wie Schroor trouwens helendal net yn byld kommen: yn Hilversum woed er net oan ien tafel sitte mei de man dy't yn de Volkskrant skreaun hie dat hy better opstappe koe. Ek foar it radioprogramma OVT, earder dy deis, woe de ‘iepen’ museiimbaas net yn diskusje mei dy Fryske dwerslizzer. It is Van Krimpen ek de ôfrûne moannen wer slagge om it Frysk Museum op de ferkearde manier yn it nijs te bringen: troch konflikten en ynsidinten, troch op arrogante en ûnreedlike wize regaad te meitsjen, troch minsken en ynstânsjes rücksichtlos op it sear te kommen en troch te dwaan as wie it Frysk Museum earder niks en kaam der noait immen. De direkteur sels sjocht dat oars: ‘Het is geen hobbymuseum meer, maar sommige mensen hier hebben kennelijk moeite met de voortschrijdende tijd. Ik denk dat men toch eens de gedachte moet overwinnen dat het Fries Museum er is voor de Friezen.’ Krekt as soe hij de moderne keunst yn Fryslân yntrodusearre ha. Krekt as soenen der foar syn tiid gjin aktuele tentoanstellings west ha. Fan Thom Mercuur bygelyks, de man dy't bij it opsetten fan in echt eigentiidsk museum bij Oranjewâld fan dyselde Van Krimpen gjin inkelde stipe krijt. Krekt oarsom. En it besikersoantal? Dat bliuwt ek sûnt de entree fan Van Krimpen stykjen op 55 tûzen. Dit jier sille dat der faaks 60 tûzen wêze - tanksij in demagogyske publisiteitsstunt en in gratis drankje. Van Krimpen is twa jier lyn nei Ljouwert ta helle om it Frysk Museum en it Prinsessehof nije ympulzen te jaan. Foar nij libben hat er ûnderwilens seker soarge, foar ferrassende tentoanstellings ek. Mar in nij imago hat it Frysk Museum noch net - mei tanksij de negative publisiteit dy't Van Krimpen sels losmakket. Elk wit no wer even dat it dêr noch altyd in nearzige boel is. It wurdt mei de dei dúdliker dat de direkteur fan de Rotterdamske Kunsthal hjir as dieltiidmuseumbaas net op syn plak is. Syn hert leit bij de moderne keunst, net bij de Fryske kultuerhistoarje. Syn krêft is it meitsjen fan spektakulêre útstallings, net it liedingjaan oan in provinsjaal museum en it oparbeidzjen mei oaren yn de regio. Nei it safolste bewust Frysk-ûnfreonlike en dus sfearbedjerrende akkefytsje wurdt it tiid om dat fersin rjocht te setten en dizze egosintryske museumdirekteur te freegjen syn hobbys hjìr net mear út te libjen. Eins is it spitich foar Van Krimpen dat de stimming yn syn foardiel útpakt is. Oars hied er in moai ekskús hân om mei slaande tromme út dit achterlike oarde te fertrekken. No moat er nòch in jier (want syn kontrakt rint noch oant yn 2001).

Trotwaer. Jaargang 32 147

Trioel

Paradise mei slagreamme - oertinking fan in snein.

Freed 3 maart stie der yn de Ljouwerter in besprek fan de twadde dichtbondel fan Bartle Laverman út Offenwier. Dêr wie ik net op fertocht. Ik wist noch dat Laverman yn septimber 1997 yn in ftaachpetear mei Frysk en Frij nei oanlieding fan syn Boerefersen hiel wat oars tasein hie. Op de fraach wat de keunstner it kommende jier fierder oanpakke soe, hie er antwurde: ‘Ik bin net fan doel om wer wat te skriuwen. Dit wie it. Ik skriuw net mear. Ik haw dus gjin literêre plannen. It is foarby.’ Hie er him anno 1999 mar oan dy wurden hâlden. Mar nee. Laverman hat yn in lêste opstiging dochs noch publisearre wat him allegear dwers yn 'e kop sit. Sa sitte wy opsadele mei in fikse poarsje persoanlike drekspuiterij yn in bondel dy't de foar it each krêftige titel Kophimmelje draacht. Ut de fersen blykt dat de man, de fyftich foarby, hingjen bleaun is yn puberale haatgefoelens oer god en godstsjinst. Blykber hat er noch nea heard fan Dante syn idee dat wurden (lês: bibelwurden) útsein in letterlike, ek noch in allegoaryske, in morele en in anagogyske (spirituele) betsjutting ha kinne. Dat Laverman fan sokke dingen gjin weet hat, bliek út it âlde fraachpetear. Ik sitearje: ‘“diepere gronden” binne derfoar my net’. Dêrmei joech er doe al de ferklearring en hie er der better oan dien en jou him dichtsjendewei net op it terrein fan de religy. Sûnder dy lagen ha je der neat oer te melden. Ik sil de dichter út 'e Legeaën net ôfmêdzje mei ferwizingen nei literatuer dy't him fan syn trauma's ôfhelpe kin. Dêr hat er fansels alhiel gjin boadskip oan, want de man wol skilderje èn wurkje yn syn prachtige tún oan de Griene dyk flakby de Snitsermar. Lit no sa'n tún by útstek it plak wêze dêr't religy en keunst inoar oerlaapje of op syn minst reitsje. It is allegear te lêzen yn Over de noodzaak van tuinieren, Gerrit Komrij syn Huizinga-lêzing fan 1990. Ek Goethe wist it al, sjoen syn Wahlverwandtschaften. Om mar te swijen oer Von Andrian, Courbet, Epicurus, Schorske, Stifter en al dy oaren dy't yn har keunstuteringen tsjûgen fan datselde âlde witten. Oan Laverman moat it noch iepenbiere wurde, sa't skynt. De djipste langst nei it Arcadië (foar alle dúdlikheid: ‘kristenen’ neame dat ‘paradys’) dat we allegear achter ús litte moasten, kompensearret in mins ûnder mear troch op syn eigen lapke grûn om te bodzjen. Dat hat Lavemian begrepen: ‘it paradys is net ferlern / it is hjir en hjoed / en foar dy’ (s. 10). Komrij sitearret yn syn lêzing Voltaire, dy't Candide sizze lit: ‘Il faut cultiver notre jardin.’ Wy soene ús yn it libben in ôffrede romte meitsje moatte, dêr't elk momint blommen opbloeie kinne as de Narcissus, Hyacinthus, Adonis en Crocus. Skynskopperige fersen skriuwe liket lykwols mear op siedzjen fan túch as op wjudzjen en kophimmeljen. ‘... please, give me some paradise’ is de gjalp oan de ein fan ien fan Laverman syn fersen. Soe der al wat trochskimerje? Wa wit is der nei dizze himmelderij aanst romte foar wat oars yn 't kopke fan de filosofylearaar. Bytsje byleare op it mêd fan symboalysk bewustwêzen soe net ferkeard wêze. As hy bygelyks mar in kromke sjoege hie fan de ferhoalen eroatyske symbolyk sa't de Roomske liturgy dy ryk is, soe er him moarn al lekkerbekjend by de poarte fan de pleatslike parochy oanmelde. ‘Ik wol skilderje’, sei Laverman ek noch yn

Trotwaer. Jaargang 32 148 it fraachpetear. Miskien hie dat better west. Ferline jier wie yn Romein yn Ljouwert wurk fan him te sjen. Doeken mei itenstafels: moarnsiten, middeisiten, jûnsmiel. In tafel mei in flesse wyn, mei of sûnder glês. Hoefolle skilderijen krekt is my fergetten. Het leven zelf. Foar Laverman alteast. Dy doeken en ek guon fersen yn Kophimmelje litte my tinke oan syn eigen ‘joggende vutter’. As dy in dei mei it âldereinreiske fuort is, hat er achternei oars gjin praat as oer it iten. En hoe hearlik oft it wie. Het leven zelf: oan tafel. It echte libben, redusearre ta dat wat noflik yn 'e mage telâne komt. As reaksje op it feit dat genietsjen neffens Bartle syn ûnthâld eartiids ‘sûnde’ hjitte te wêzen. Lekker puh. De triennen spatte him by al dy hearlikheden yn 'e eagen. Ik ha dat mear by guon fan syn fersen. Mar dan oars. ‘Paradise now’? Okee. Mar dan wòl graach mei apeltaart en slachreamme. Gotskes. Bartle is in echte midlife-man. Mar in dichter? Jou him in gripe. Marga Claus

Frij-pik foar De Bik en Ko? Literêr-histoaryske notysjes

‘It besprekken fan dizze roman sil ek altiten wat sizze oer de besprekker sels. Negatyf of posityf, oer syn geilheid en oer syn geldens.’ (út: Piksjitten op Snyp, side 135, haadstik 36, ‘Porno bestiet net’). De Piksjittersfâle stie iepen. Yn Piksjitten op Snyp (roman, groteske, essay; KU 1999, 510 siden) wurdt û.o. beskreaun hoe't op snein yn Snyp oan de finen frege waard - as se nei har sneinsskoalle gongen - oft se frij-pik joegen. Eins in oerboadige fraach, want daalk nei dy wurden skeaten de sûkerbiten al troch de buorren. De wraak op it smiten mei sân en modderkluten op it glêde iis fan de feart wie fûleindich. No't twa besprekkers - Klaas Jansma en Jabik Veenbaas - yn resp. Trotwaer en de LC - ‘frij-pik’ krigen hawwe foar in besprek fan Piksjitten op Snyp liket it my nijsgjirrich en lis wat literêre feitsjes fêst foar de histoarje. It hat der wol fan oft de duvel der mei boartet no't dizze twa besprekkers foar 't ljocht komme. Ik bedoel, yn de roman komme heel wat ‘kosmysken’ yn subtema's op it aljemint. En ek dizze twa besprekkers falle neffens de kritearia fan de twa haadpersoanen-skriuwers ûnder it begryp kosmysk. Yn de roman stiet: ‘Neffens de Grutsk hawwe de kosmyske genen hawwe in frjemde mentaliteit, soks moat noadich bysteld wurde yn de laboratoria. Sokke hendikaps kostje hannen fol jild, en wurkje negatyf oangeande de keunst en foaral tsjinoer de literatuer.’ (s. 494) En noch in oaren-ien: ‘De kosmyske haat oangeande de anargist moat wol tige grut wêze.’ (s. 498) Wêr komt dat wurd ‘kosmysk’ wei? In fjouwer, fiif jier lyn siet ik nei in Skriuwersbounbestjoersgearkomste yn De Pauw noch wat nei te praten mei Tine Bethlehem en Akky van der Veer. Ynienen stoden der twa manlju yn. It wiene Klaas Jansma en in my ûnbekende Hear. Klaas Jansma wie sa aardich en stel my oan dizze Hear foar. Lútsen Kooistra wie syn namme, de nije haadredakteur fan it Frysk Deiblêd. Nei wat opmerkingen oer it skriuwen, it Boun, de kranten, de maatskippij en foaral oer Frysk en Frij kaam Jansma ynienen mei in steetmint: ‘Josse, wy binne no kosmysk wurden. Lykas Obe Postma. Dy woe ek wat frijer yn de wrâld stean. Yn it kosmyske leit Alles. Neffens my is dat ek wol wat foar dy.’

Trotwaer. Jaargang 32 It woe my mar min oan dat steile grifformearden ynienen kosmysk-panteïstysk yn de wrâld stienen en letter ek sa yn har himel lizze soene. Mar ja, ik haw as anargist-ateïst fan dat

Trotwaer. Jaargang 32 149 soarte fan saken ek net sa'n bult ferstân. Dy prachtige sêne lykwols - Klaas Jansma mei in sigaar yn de holle, mei syn seinjende hannen omheech en dêrnjonken de nije haadredakteur fan it kosmysk blêd pur sang yn totale adoraasje - ferjit ik noait wer. Ik fielde hast de kosmyske útstrieling fan dit kosmysk teater. Op dat stuit hie ik al besletten dat myn twa skriuwers-haadpersoanen ek yn de slach soene mei it literêre wrâldsje. As subtema. Skriuwers prate faak oer oare skriuwers, en foaral oer kritisy dy't har foar de hannen rinne. Klaas Jansma joech my de namme foar al dat soarte fan lju dy't tydskriften nei de kloaten helpe, boeken hifkje op morele en etyske grûnen en skriuwers yn 't algemien leechachtsjend behannelje. Yn it toanielstikje ‘De geile aap’ (haadstik 81, side 282, wegere troch Goasse Brouwer foar F&F, omdat er tocht dat er dan helendal gjin subsydzje krije soe) wurdt dizze mentaliteit oan de oarder steld en bemiigd. De kosmysken (© Klaas Jansma) rinne dus op in sydspoar de roman yn. Doe't Jansma frijpik krige om Piksjitten op Snyp yn it febrewaarjenûmer fan Trotwaer te besprekken wist er dat net. De redaksje ek net. Syn eigen-sinnich a-literêr (of dochs anty-?) besprek jout oan dat er faaks al doopsgesind wurden is en net echt mear ûnder de definysje fan kosmysk falt. Nettsjinsteande dat bliuwt hy de auctor intellectualis fan it Snypiaansk wurd kosmysk. De twadde besprekker sjocht sèls ferbiningen mei de roman. Hy is minder boartlik. Ut Jabik Veenbaas syn besprek yn de LC fan 15 oktober 1999 docht bliken, dat er tinkt dat er yn de roman in rol spilet. As kritikus. Hat er himsels werkend? Sa't ik al oanjoech, de twa skriuwers yn de roman diskussearje oer it skriuwen, oer de teksten dy't se elkoar stjoere, mar ek oer de twa kritisy dy't har by de pik hân ha. Yn it boek hite de kritisy De Bik en De Jelluk. Sa't wenst is ûnder skriuwers wurde soksoarte fan kritisy - yn ‘De geile aap’ en op in pear oare plakken - ‘leechmolken, bemiigd en de buorren opstjoerd’ (diel VI, side 245 e.f.). De besprekker Ja-Bik Veenbaas blaast dit subtema geweldich op, mar hy neamt de nammen fan de twa kritisy net. Nee, hy slacht troch: de twa haadpersoanen-skriuwers feroarje ynienen yn de skriuwer-sels, en dêrnei transformearret er de skriuwer yn Mike Tyson (ea wrâldkampioen boksen dy't in kollega in ear fan de kop friet, famkes reepte, ensfh.). De loftse direkte op it kin fan De Bik (ik folgje no de wurkwize fan J.V.) hat foar it besprek desastreuze gefolgen. As jo reept binne, en in ear kwyt, dan is fan nuansearre skriuwen fansels gjin sprake mear. Yn opdracht fan de LC moat De Bik in fyftich persint fan it besprek skrasse. Jo kinne riede wat oerbliuwt: syn lulkens, syn agressiviteit en foaral it ûnnuansearre skriuwen. Hy neamt bygelyks it boek ‘agressyf moralistysk’. Ik tink dat dit slacht op it ferhaal oer de pedofyl en it lytse jonkje De Lytsk. Dat jonkje fynt de ‘behanneling’ troch de pedofyl agressyf, omdat dy him ferkrêftet. De skriuwer lit letter yn it boek pedofilen mei gele plaatsjes om de kul rinne (mei in tsjip), sadat se altiten op te spoaren binne. Miskien is dat wol polityk ynkorrekt, miskien ek wol moralistysk. Mar fan sok moralisme is de skriuwer net fiis. Wol fan pedofilen. Mar ja, hy hat ek in lyts jonkje west! De skriuwer kin yn dit stik fan saken allinne mar herhelje wat yn de roman skreaun is:

‘Skriuwers as do’ - sei er - ‘keutelje allinne mar wat ferhaaltsjes op papier, dêr't de goegemeente om laitsje kin. Wat moraal, in bytsje fermeits, wat

Trotwaer. Jaargang 32 mearkes oer Klaas Faak, in heale tyt en in kwart kul, foaral net te djip en folslein befêstigjend oangeande de noarmen en wearden fan de grutte

Trotwaer. Jaargang 32 150

kliber mei de klam op de nije kosmos dy't de finen fan eartiids ynwiksele hawwe foar it kristendom. Literatuer is oars en moat oars wêze.’ (s. 28)

De Bik fynt dit dus in ‘agressyf moralistyske’ teory. As Veenbaas himsels werkende yn De Bik, alteast oerienkomsten seach - mar der rinne fansels heel wat De Bikken en De Jellukken om - koe er trije kanten út: 1. agressyf reagearje sa't er no dien hat, ‘paranoïde’ (syn eigen wurd) hast, dêr't er fyftich persint troch skrasse moast; 2. in Hear bliuwe, himsels wrake en de opdracht de resinsje te skriuwen werom jaan; 3. it literêre spul meiboartsje, skriuwe dat er miskien in roltsje spile as De Bik en der dan as in superieure besprekker op reagearje mei humor*), irony en/of satirysk-literêr; dan hie er him net lilk makke, dan hie er de nammen neamd fan de twa kritisy (no wurde se fertsjustermoanne!) en dan hie it in gefjocht wurde kinnen tusken Cassius Clay en wat my oanbelanget Mike Tyson. Literêrhistoarysk hie er him op in oertsjûgjende wize de skiednis yn skriuwe kinnen. Dy prachtkâns dy't him troch de skriuwer al op side 135 jûn waard hat er lizze litten.

Veenbaas is no ien fan de oansketten ezels wurden dêr't Van het Reve mei goed gefolch yn syn ‘Ezelsproses’ tsjin focht (kosmysken-avantla-lettre, sis mar). Yn de nijste printinge fan it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer kin no yn de yndeks stean: Kosmysk: sj. Jansma, K.; De Bik: sj. Veenbaas, J. Net alle kritisy berikke dit. De Piksjittersfâle stie iepen (s. 135). Op syn Snypsk. De Bik is der mei iepen eagen yn rûn. It wurket noch altiten. Ienris Piksjitter, foar ivich Piksjitter.

Hendaye, febrewaris 2000 Josse de Haan, alias Mike Tyson (J.V.)/De Jos (K.J.)

Eindnoten:

*) ‘In poarsje humor is ek noait wei, mar oft de kosmysken oait gefoel krije sille foar humor moat sterk betwifele wurde.’ (s. 498)

Trotwaer. Jaargang 32 151

Nije útjeften

Nije Frysktalige útjeften yn it tiidrek 1 novimber 1999 - 1 jannewaris 2000. Oanfollings binne wolkom by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Grutte Tsjerkestrjitte 212, 8911 EG LJOU-WERT.

Belletry

- Hylke Speerstra, It wrede paradys. 4e printinge. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 456 siden, f 39,50 - Theun de Vries, Westerljocht. De Looden Hel, Feanwâlden. 32 siden, f 15,00

Berneboeken

- Klimbeam. Afûk/GCO fryslân, Ljouwert. n.p., f 24,50 - Sinteklaas moat op kompjûterles. Gearstald troch: Alian Akkermans, Sytske Eringa, Jikkie Ruiter. Omslachûntwerp en yll.: Karin Poeisz. Afûk, Ljouwert. n.p., f 7,50 - Dolf Verroen, In nuver famke. Fryske oersetting: Bouke Oldenhof. Yll.: Hubertus de Jong. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. 55 siden, f 15,90 - Willy Vandersteen, De Goalgetter. Nije aventoeren fan Suske en Wiske. S.C. Heerenveen edysje. Fryske oersetting: Jan van Houten. Le Chat Mort, Ketlik. 50 siden, f 9,95 - Willy Vandersteen, De Goalgetter. Nije aventoeren fan Suske en Wiske. Cambuur - Leeuwarden edysje. Fryske oersetting: Jan van Houten. Le Chat Mort, Ketlik. 50 siden, f 9,95

Dichtwurk

- Tsjits Peanstra, Neierhân. Ynlieding: Tineke Steenmeijer-Wielenga. Besoarger: Goasse D. Brouwer. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 506 siden, f 75,00 - D.A. Tamminga, De Citadel. Gearstalling, oersetting en neiwurd: Jabik Veenbaas. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 191 siden, f 37,50 - Piter Jelles Troelstra, It sie fan moarn. Redaksje: J.M. Haan, H. Janssen, T. Oppewal en T.J Steenmeijer-Wielenga. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter.Openbare Scholengemeenschap Piter Jelles, Ljouwert/St. Anne/Dokkum/Kollum. 71 siden, f 32,50 - Wy tsienen. In string fersen oanbean oan Douwe Annes Tamminga ta gelegenheid fan njoggentichste jierdei. Koperative Utjowerij, Boalsert. 21 siden, f 10,00

Trotwaer. Jaargang 32 Ferskaat

- Tony Feitsma, Fedde Schurer en syn idealen. BY-SKRIFTEN nûmer 26. Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Ljouwert. 32 siden, f 7,50 - Hinne Wagenaar, Ype Schaaf en Anne van der Meiden, In eigen teology? KFFB Nû. 408. Teksten yn it Frysk oerset en/of printree makke troch: Dick Eisma en Jacobus Knol. Kristlik Fryske Folksbibleteek yn 'e mande mei de Bibelferkeapkommisje Net fan brea allinne, Aldehaske. 134 siden, f 19,50 - It FLMD oan syn earefoarsitter. Redaksje: Flippus Breuker, Jan de Vries, Jan Pieter Janzen en Tineke Steenmeijer-Wielenga. BYSKRIFTEN nûmer 27. Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Ljouwert. 95 siden, f 15,00 - Douwe van der Meulen, Frysk puzelwurdboek. 2e printinge. Afûk, Ljouwert. 220 siden, f22,50 - Under ien dak. Gearstald troch: Gryt van Duinen, Saapke Miedema, Rein Tolsma. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 95 siden, f 25,00 - Geart de Vries, Trochpaden. Foarmjouwing: Gertjan Slagter. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 224 siden, f 35,00

Neikommen Dichtwurk

- Emily Dickinson, Wetter, wurdtjin leard troch toarst. Fryske oersetting: Klaas van der Hoek. De Uitvreter, Zoeterwoude. 36 siden. f 45,00/25,00

Ferskaat

- Liber Amicorum Koen Zondag. Eigen behear, Ljouwert. 32 siden, net yn 'e hannel. - De loft is noch altyd blau fan dagen. Freonen oer Bareld de Vries. Redaksjekommisje: Bertus Mulder, Houkje Rypstra, Jannewietske de Vries. Eigen behear, Ljouwert. 62 siden, net yn 'e hannel.

Trotwaer. Jaargang 32 152

Meiwurkers

Wilco Berga (1947) is wurksum as byldzjend keunstner en skriuwer, yn it Frysk en it Nederlânsk. Fan him ferskynden dichtbondels, romans en toanielstikken (û.o. útfierd troch Tryater). Sette lieten fan Brel oer yn it Frysk en skrean sels in tal lietteksten dy't troch ferskate artysten op CD set binne. Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jont lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêrhistoaryske stikken. Remco Ekkers (1941) wie dosint Nederlânsk, publiblisearre ferskate dichtbondels, as lêste Het gras vergeten (1991). Is poëzyresinsint fan de Ljouwerter Krante en de Poëziekrant. Anne Feddema (1961) skriuwt literêre teksten, skildert en makket muzyk. Hie in Liwadder kollum foar Omrop Fryslân, eksposearre rûnom yn Nederlân en ek yn Dútslân en Litouwen. Debutearre yn 1997 mei de fersebondel Slapstickiepenbierings. Josse de Haan (1941) wennet yn Frânsk Baskelân. Wie ûnderwizer en learaar Nederlânsk en redakteur fan quatrebras, Trotwaer en iP2r90. Is sûnt 1986 fulltime skriuwer fan proaza, poëzy en toaniel. Foarich jier ferskynde fan him de roman Piksjitten op Snyp. Frâns Holwerda (1938). Studearre sosjale geografy en skiednis yn Grins. Wie leraar/konrektor oan Stedske Skoallemienskip te Ljouwert. Meilibjend Boarger, Lêzer en Toerfytser en dêrby de lêste jierren warber yn ‘de Fryske skriuwerswrâld’, û.m. as skriuwer fan de K.U. Fan him ferskynde de dichtbondel Wâldmans hikke (1997). Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. Teake Oppewal (1952) is koördinator literatuerbefoardering by it FLMD en foar noch in pear oeren wyks dosint skiekunde oan it Friesland College; gearstaller (mei Pier Boorsma) en ynlieder fan de Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Organisearret û.o. skriuwkursussen en de jierlikse Provinsjale Skriuwdei. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). Tjitte Piebenga (1935) siet in fearnsieu by it spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert, skreau sa út en troch ris in ferske of in boekje, wie de lêste jierren foaral op

Trotwaer. Jaargang 32 kabaret- en toanielmêd dwaande, skriuwt poëzije-kritiken yn 'e Leeuwarder Courant. Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollânsk wie dat Plaatselijke Tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten.

(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens).

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant voorplat

[Nummer 4]

Yn opdracht Yn dit nûmer û.o. in skôging fan Jabik Veenbaas oer it proaza fan Durk van der Ploeg. De earste ôflevering fan in twadde rige essees en skôgings, skreaun yn opdracht fan de redaksje, mei ekstra finansjele stipe fan it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds en de Provinsje Fryslân. Yn it julynûmer ferskynt yn dit kader in essee fan Piter Yedema oer de Fryske poëzy fan nei 1985 (it jier dat Trotwaer yn in spesjaal nûmer de balâns opmakke fan de poëtyske ripsinge sûnt 1945).

Trotwaer. Jaargang 32 153

Fierder nei Frsk: Trotwaer in magazine? Jan Pieter Janzen

Frsk is net mear. It breed opsette, meartalige moanneblêd foar alle Friezen, dat yn septimber foarich jier mei safolle faasje út ein sette, hat it yn maart oerjûn. It fjirde nûmer wie tagelyk it lêste. Spitich, want oan de ynhâld hat it him net lein - dy wie lang net gek. Okee, de ferpakking doogde net, mar dêr hie noch wol wat oan dien wurde kinnen. Nee, dit troch de Provinsje sa rynsk stipe taalbefoarderingseksperimint rûn op 'e non troch organisatoaryske swierrichheden: in minne besoarging en in tekoart oan advertinsjes (dat lêste foaral troch de konkurrinsje fan nije hûs-oan-hûs-útjeften fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, dat nota bene mei oan 'e widze fan Frsk stie). Hoe no fierder mei de Fryske tydskriften? Dat wie de fraach dy't Eelke Lok op 4 april yn Breedbyld foarlei oan trije politisy, twa útjouwers en myn persoan as tydskriftredakteur. Op eigen manneboet - ‘wy ha der yn de redaksje noch net oer prate kinnen en it der dus ek noch net mei de útjouwer oer hân’ - bin ik doe yn 'e pleit gongen foar it fierder ferbreedzjen fan Trotwaer. Dat gong likernôch sa: Der gappet in grut gat tusken de F-side yn de deiblêden en de literêre tydskriften. Foar Frysk en Frij en de Strikel is neat yn it plak kommen. Mei it mislearjen fan Frsk takket de plurifoarmiteit fan de Frysktalige media noch fierder ôf. Fergelykje dat ris mei de Nederlânske sitewaasje, dêr't kultuer, literatuer, polityk en histoarje har gerak krije yn tal fan deiblêden en periodiken. Soe dat gat - foar in part - net opfolle wurde kinne troch Trotwaer fierder út te bouwen ta in meartalich algemien-kultureel (opiny)blêd foar in breder, ynteressearre publyk? Dit blêd hat him de ôfrûne jierren ommers al mei sukses ferbrede, sawol ynhâldlik (fan literêr nei mear kultureel-literêr) as kwantitatyf (fan seis nei tsien nûmers, fan 300 nei 350 abonnees, net tsjinsteande it natuerlik ferrin en in ferheging fan it lêzersjild mei tweintich gûne). Underwerpen genôch. Dat is it probleem net, at de Fryske kultuer en literatuer mar de rêchbonke bliuwe. As foarbyld neamde ik de Groene Amsterdammer, it wykblêd dat op kompakte, stikeljende en essayistyske wize it polityk-maatskiplike en kulturele libben folget. Ik hie ek Hollands Diep neamen kinnen, it twawyklikse magazine dêr't ein jierren santich 43 nûmers fan ferskynden. It hie syn tiid hân doe't aloan mear kranten har yn bijlagen yngeander dwaande holden mei de maatskiplike en kulturele ûntjouwing. Kommersjeel sjoen net de meast gelokkige foarbylden fansels. De Groene libbet al jierren op de grins fan it besteansminimum (wol ferskynt dit wykblêd sûnt koart yn in hânsumer, magazine-achtich formaat, mei as doel ‘zowel een grotere toegankelijkheid als [-] een grotere nadruk op het tekstuele karakter’). Hollands Diep waard opdoekt fanwegen krapte oan advertinsjes. ‘Dat spijt ons,’ skreau de útjouwer yn it lêste nûmer, ‘want het toont aan dat er op het moment in Nederland niet voldoende belangstelling bestaat om een blad als Hollands Diep gaande te houden.’ De fraach is fansels oft dy belangstelling der foar in soartgelikens Frysk blêd wol wêze soe. Fan 350 nei 3500 abonnees moat mooglik wêze, woe 'k foar de regiotelevyzje ha. Justjes oerdreaun, dat jou ik daliks ta, mar net folslein ûnrealistysk. It is it tal dêr't Frysk en Frij mei eini-

Trotwaer. Jaargang 32 154 ge en soks moat - op termyn - wer mooglik wêze. En útgean fan in besteand blêd mei in groeiend netwurk fan meiwurkers is better as begjinne mei wat folslein nijs. Der sil jild bij moatte, jawis. Ien Trotwaerabonnee kostet Ryk en Provinsje no sa'n hûndert gûne. Hoefolle at dat yn in nije opset wêze soe, ha 'k gjin idee fan. Dêr moatte de deskundigen mar oer gear. De Provinsje hat jild oer foar it Frysk en in fariearre Fryske mediakultuer en ôfgeande op syn lichemstaal yn Breedbyld stiet deputearre Mulder net bij foarried ôfwizend foar in semy-kommersjeel Trotwaer magazine oer. It is it ûndersykjen wurdich, soe 'k sizze. ‘Wie it in opstiging?’ frege in meilibjende skriuwer-sjoernalist nei ôfrin fan it programma. Nee dus. ‘Gjin stôk yn it Frysk kulturele wetter, mar in basaltblok!!!’ woe in oaren. Sa hie 'k it sels net sjoen, mar it byld is sa gek noch net: ‘Yn kringen leit it libben om ús hinne’ (om mei Piter Jelles te sprekken) en dy kringen kinne - skoksgewiis - noch wol wat grutter wurde as at se no al binne, likegoed wat it berik as wat de ynhâld fan dit bloeiende Fryske medium oangiet.

(De redaksje is ûnderwilens ienriedich dwaande dit dryste plan fierder út te wurkjen. Reaksjes en suggestjes fan de lêzers binne dêrbij fan herten wolkom.)

Trotwaer. Jaargang 32 155

Harmen Wind

Foarbehâld

Woest wol wat dryster en bretaler wêze, brûs op 'e bek en einekroas yn 't hier, fûleindich mei dyn frijheid yn it spier en 't froede folk ris goed it leksum lêze.

Do hiest wol graach wat grutter libje wollen, mei wat mear faasje, wat mear aventoer, spotgnyskje om de earmoed fan de sloer fan feiligens, de treast fan hoal en golle.

Do soest sa stomme graach wat heger fleane, in see-earn wurde, driuwend op 'e wyn om del te stoarten op it oefte, earne yn gea of weagen, in skelfisk of knyn. Mar witst net iens oft earnen noch besteane en mei dyn hichtefrees doarsto de loft net yn.

Trotwaer. Jaargang 32 156

Reis

Fieldest myn hannen, op dyn lichem ûnderweis en folgest se benijd, dyn siken stiken. Se skytskoarren, mar wisten net fan wiken en lieten hertstocht mei har waarmte nei, en mei har kiizjen langstme; do ûntjoechst dyn lea, dyn driften krigen stim, ynienen fernaam ik net mear wêr't myn hannen wienen, mar fielde datst my as in hynder droechst.

Ik hie de leie net, hoe hie ik stjoere kinnen op dizze reis? Yn 't giizjen fan dyn amme hearde ik heech en ûnberikber fier myn namme, klamme my oan dy fêst en liet dy rinne.

Fan'moarn fûn ik mysels, in sânruter, beskamme; ik hie myn hannen wer, mar fierder lei 'k allinne.

Trotwaer. Jaargang 32 157

Wêzen

Ha my mar leaf, ik bin net te betrouwen. Net yn myn groet bin ik, yn myn beloften net. Net yn myn earmen om dyn neakenens, myn siken op dyn liif, myn laits, myn lûd, myn grime. Net yn myn trou oan dy bin ik, ek yn myn gean en kommen hasto gjin hâld oan my.

Mar ienris sil, út leagen, skyn, fersin, ik wurde wa 't ik wie, as ik der net mear bin. Wat soe ik sûnder dy.

Trotwaer. Jaargang 32 158

Durk van der Ploeg of de fitaliteit fan de psychologyske roman. Jabik Veenbaas

De psychologyske roman as modernistysk probleem

Paul Rodenko kundige yn 1946, yn it tydskrift Columbus, de ein oan fan de psychologyske roman. Rodenko, nochal ûnder de yndruk fan de doe aktuele eksistinsjalistyske wiisbegearte, ferwachte in nij ‘etysk’ tiidrek en dêrmei ek in nije oriïntaasje fan de roman. De nije roman soe in etyske roman wurde, en dy soe neffens him de psychologyske roman folslein ferdriuwe. It idee dat it dien wie mei de psychologyske roman hat spesjaal yn Fryslân nochal wat oanhing krige, ûnder mear omdat de skriuwer en essayist Jo Smit in fergelykbere teory mei safolle oertsjûging útdroech. Jo Smit hie oanwiisber ynfloed op ien fan ús grutste prozaïsten, Trinus Riemersma, en it gesach fan Riemersma sil der net swak ta bydroegen hawwe dat in hiele generaasje skriuwers fan de Koperative Utjowerij him op dizze line begûn te oriïntearjen. Yn elts gefal hearre we yn Fryslân ek oan 'e ein fan 'e tweintichste en it begjin fan de ienentweintichste ieu noch geregeldwei dat ‘de psychologyske roman dea is’, ek no't dat stânpunt yn de Nederlânske literatuer allang ta it ferline beheart en mei iroanyske ôfstân besjoen wurdt - Ton Anbeek skriuwt yn syn Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1885-1985 bygelyks: ‘Yn 1947 proklamearret er [= Rodenko] parmantich “de ein fan de psychologyske roman”.’1.,2. It proaza fan Durk van der Ploeg hat yn Fryslân wol in beskate namme. Dochs tink ik, dat de grutte rol dy't de Rodenko-Smit-posysje de lêste desennia yn de Fryske literatuer spile hat de wurdearring foar dat proaza beynfloede. Syn romans, novellen en ferhalen lynje benammen op de krêft fan har psychologyske tekening. En as se om dy reden as minder goed of minder modern sjoen wurde, dan fertsjinnet dat byld nuansearring en korreksje. Dit essay hat dêrom in licht apologetyske toansetting.

I. 1961-1984: It lijen, de skuld

Durk van der Ploeg (*1930) publisearre syn earste ferhalen (dêr't er no net mear efter stiet) ein jierren fjirtich yn it Friesch Dagblad. Fan it midden fan 'e jierren fyftich ôf stie der Frysktalich proaza fan him yn De Tsjerne. Yn Gjin plak op ierde, de seleksje dy't er yn 1996 fan syn ferhalen útbrocht, is it earste ferhaal lykwols it út 1961 datearjende ‘Prolooch fan de iensumheid’, en omdat ik my yn dizze stúdzje ta Van der Ploeg syn boekpublikaasjes behein, is dat it ierste dat ik fan him meinim. Syn earste roman wie In man en in minske en dy datearre út 1968. Van der Ploeg skreau it boek doe't er al 38 wie en al jierren publisearre hie; dy omstannichheid sil der ta bydroegen hawwe dat it in ripe, útbalansearre yndruk makket. It is hecht fan struktuer en komposysje en de styl is fêst. Wol linet it boek soms wat al te sterk op de absurditeit fan it konkrete barren en dat is in swakker punt. Yn guon fragminten, ik neam dan spesjaal Jan syn lange dronken monolooch yn haadstrik 8, toant de skriuwer in hiel eigen lyrysk fermogen.

Trotwaer. Jaargang 32 It boek hat de toan fan in makaber-humoristyske groteske en dy is tinkt my, oarspronklik en modern. Yn sfear en ynhâld docht it in gre-

Trotwaer. Jaargang 32 159 vel tinken oan it ferhaal ‘Gevederde vrienden’ fan Jan Wolkers (1959), hoewol't dat earnstiger en mankeliker oerkomt. It meast rekket In man en in minske jin yn dy fragminten dêr't de tragyk fan Jan Monsma en de swarte humor by elkoar komme. Dat bart bygelyks yn de niisneamde monolooch út haadstik 8. Jan, in gefoelige, kwetsbere man, dy't syn frou en fekke Tsjits allinne de baas kin troch har te fermoardzjen, meneuvelet om mei Tsjits har skuon en keunstgebyt. Op in stuit nimt er it gebyt yn 'e hân en hy lit it yn syn neakenfoto's happe. ‘Toe mar fanke, byt dou se mar yn 'e bealch’, seit er, en dan: ‘It binne greate smearlappen. Fize huorrebokken, hoe krije jimme it yn 'e harsens en gean hjir by Tsjits op it skjinne tafelkleed lizzen! [...] Byt se mar yn 'e bealch, dy smoarge geile wiven.’ Ik fûn dizze sêne fuort geastich, en fuort fielde ik ek it ûnderlizzende drama: dat fan de iensume man, dy't nei waarmte en kontakt longeret en dochs net de krêft hat om syn gerak op te easkjen. In man en in minske is ek yn dy sin folwoeksen, dat it universum fan de skriuwer, it totaal fan syn obsesjes en motiven, der op in beskate manear folslein yn oanwêzich is. Faak sille we yn syn wurk de kwetsbere man oantreffe (in inkelde kear, bygelyks yn it ferhaal ‘Prolooch fan de iensumheid’, is it in frou), dy't it libben amper oan kin en in isolearre posysje ynnimt oan 'e râne fan 'e mienskip. Ek de obsesje mei dea en fergean, dy't by Jan op de moarddiedichheid folget, komme we faker tsjin. De skuld, sa't Jan dy fielt oer syn dieden, wurdt ien fan de dragende motiven yn Van der Ploeg syn wurk. Fierder bart it mear as ien kear dat de kwetsbere man it ôflizze moat tsjin in kweade, bazige frou. En dan is dy man faak ek skeptysk foar it leauwe oer, wylst syn frou wol leaut. Jan en Tsjits hawwe gjin bern, in feit dat net sûnder betsjutting is; it liket de frou mei fersuorre te hawwen, en it liket ek wat te sizzen oer de ûnfruchtberheid fan har relaasje, oer harren ûnfermogen om ta elkoar te kommen. Yn guon lettere boeken sille we it echtpear sûnder bern fannijs moetsje. Op 'e eftergrûn oanwêzich is in sosjaal motyf - Jan Monsma is in earmoedlijer dy't syn hiele libben yn it fabryk klauwe moatten hat - en ek dat komt yn letter wurk werom. Van der Ploeg syn twadde roman, De snoekebek (1972), stekt meager ôf by syn sa ûnthjittende romandebút. De snoekebek docht fan toan en opset gâns tradisjoneler oan, en it hat dúdlik swakke steeën. Van der Ploeg besiket yn dit boek in byld te jaan fan de problematyk fan in earme famylje yn 'e moderne tiid. Mar hy smyt safolle problemen op in bult dat der in wat nayf en forsearre gehiel ûntstiet: heit Wibe Palma krijt ûntslach by de boer, moat yn it ûnpersoanlike fabryk wurkje, de dochter leit it oan mei in neger, moat in bern krije ensfh. Ek yn technysk opsicht docht De snoekebek wat nayf oan, naïver as de ferhalen ‘In plak om te stjerren’ (1969) en ‘In dierber bern’ (1971), dy't yn 'e tuskentiid ferskynden. Van der Ploeg wikselet in auktorieel perspektyf (fan de alwittende ferteller) ôf mei ferskillende personale perspektiven, mei in ‘pluri-personaal’ perspektyf, om in term fan Wadman te brûken, mar dat docht er mei sokke koarte skekken en sadanich fan 'e bûtenkant ôf dat er syn personaazjes psychologysk dan wol oannimlik makket, mar se net echt de kâns jout om ús djip te reitsjen. It boek bliuwt te folle in oanienskeakeling fan nuvere foarfallen. Tematysk binne der ferbiningen mei it debút te lizzen. Haadpersoan Wibe Palma is krekt as Jan Monsma in ferliezer, in wat guodlike man dy't amper tsjin it libben opwoeksen is. Skepsis fan de skriuwer foar it tradisjonele leauwe oer blykt as dûmny en âlderling Tam-

Trotwaer. Jaargang 32 160 sma by de famylje komme. Ek yn dit boek fine we in sosjaal engaazjemint: Wibe Palma is de earme lijer dy't de boer en de rike âlderling Tamsma foar him oer hat en dy't yn de hurde, kâlde sfear fan it fabryk net aardzje kin. Aardich is wol it byld fan de samling stikkene auto's op it hiem fan 'e Palma's: symboal fan harren fergees besykjen om maatskiplik te slagjen, yn djippere sin miskien ek fan it minsklik tekoart sec. Yn it folle lettere boek In bit yn 't iis (1996) komt it byld fan it autowrak efkes werom. Twa jier nei De snoekebek folget it Nederlânsktalige Een vers graf (1974), en dat boek foarmet in magistraal hichtepunt tusken Van der Ploeg syn iere romans, nammers in hichtepunt yn syn hiele oeuvre. Sfear en toan fan Een vers graf komme wakker oerien mei dy fan it eardere ferhaal ‘In plak om te stjerren’ (1969), en soms nimt Van der Ploeg sinnen of fragminten oer. Sa lêze we yn it ferhaal op in stuit: ‘It begûn allegear doe't ik op it plat dak siet tusken de fûgelstront en lêst krige fan 'e lever.’ En in pear sinnen dêrnei: ‘Se begriepen fansels net dat it sa slim wie dat ik nei it sikehûs ta moast. Dêr op dat dak fielde ik foar it earst de pine. En út 'e ljisken wei begûn ik stadich ôf te stjerren.’ (Gjin plak op ierde, s. 26) Op side 164 fan Een vers graf stiet hast itselde: ‘Het begon allemaal op het plat dak, toen ik tussen de vogelstront zat. Ze begrepen natuurlijk niet dat het zo erg met me was dat ik naar een ziekenhuis moest. Daar op het dak voelde ik de eerste pijn. Uit mijn liezen vandaan begon ik langzaam af te sterven.’ ‘In plak om te stjerren’, as selsstannich ferhaal hiel goed slagge, hat fungearre as foarstúdzje foar Een vers graf. Een vers graf slút tematysk sterk oan by In man en in minske. Ek hjir treffe we de gefoelige man oan, dy't bûten de mienskip stiet en syn iensume wegen giet. Ek hjir rekket dy man obsedearre troch dea en fergean, ek al is er der tagelyk bang foar, ek hjir spilet in skuldmotyf. Mar der binne in pear belangrike ferskillen. Dêr't Jan Monsma oan 'e ein fan it boek syn kânsen op it libben en de frijheid liket te behâlden, rekket Ay, de haadpersoan fan Een vers graf, stadichoan mear by it libben wei, en uteinlik sil er wierskynlik stjerre. Ay ferliest de bân mei it libben, hy hat de ferstjerring sels nedich omdat de pine fan it libben te grut foar him is. Ay is te gefoelich en hy hat te folle meimakke: skuld, fertriet, eangst hawwe him te djip ferwûne. De nammen fan Ay en syn jonge frou sprekke boekdielen: ‘Ay’, dat is ‘au’, dat is de pine fan it libben; Syn frou hyt ‘Joy’, dat stiet foar freugde, waarmte, libbenskrêft. Een vers graf is in boek dat jo as in mes troch it hert giet. It is in stilistysk masterstik. De op it earste each ienfâldige monoloochfoarm is yn werklikheid op tige raffinearre wize tapast. It hjoed, it ferline, de ferbylding, de petearen, alles wurdt befrissele yn dy monolooch, dy't as in ferbale deadedûns om de ein hinne skermesearret en dy stadichoan mar ûnferbidlik neier komt. De bylden, sawol de bylden fan de dingen dy't har yn werklikheid ôfspylje of ôfspile ha as de bylden dy't foar in part of hielendal it produkt binne fan Ay syn geast, hâlde it hiele boek troch har grouwélige krêft. Foarbylden soe ik by de rûs jaan kinne, mar ik lit it by in pear. Op side 163 tinkt Ay: ‘Soms zou ik willen dat ze mijn afgestorven lichaam van mij wegnamen en het hoofd met de borstkas lieten liggen, zodat ik mijn nog steeds zeer levendige armen geheel om mij heen kon slaan, gelijk een krab zijn lichaam insluit.’ Hiel sterk drukt dit byld út hoe't Ay bedrige wurdt troch dea en pine, hoe't er himsels beskermje wol,

Trotwaer. Jaargang 32 en hoe't er dat paradoksaal genôch allinne mar dwaan kin troch it libben ôf te stjitten. Ek de beskriuwingen fan Ay syn wrede ûnderfinin-

Trotwaer. Jaargang 32 161 gen út it ferline jeie jo de grize oer de grouwe; dat jildt benammen foar it byld fan de jonge Ay dy't troch de oare jonges krusige wurdt omdat er begrutsjen mei in fûgel toant. De oantinkens oan wrede jeugdûnderfiningen en de oarlochsoantinkens dogge kwa sfear en krêft soms wat tinken oan bepaalde sênes út The Painted Bird fan Jerzy Kosinski, dat út 1965 datearret. Mar dêr't Kosinski allinne de konkrete oantinkens beskriuwt, stiet yn Een vers graf it notiidske proses fan geastlik ôfstjerren sintraal, dêr't dy oantinkens har balstiennen ta bydrage. Nei Een vers graf komt It libbet mar amper (1976), en dy roman docht yn gâns opsichten tinken oan syn foargonger. Fannijs hawwe we te meitsjen mei in man dy't, as gefolch fan foarfallen yn syn libben, yn in isolemint bedarret, in man dy't wanhopich wurdt, net de krêft hat om de wei nei it libben werom te finen. It skuldtema stiet yn dit boek sterk op 'e foargrûn. De haadfiguer, Arend Jongsma, hat in ûngemak mei de auto hân. By dat ûngemak is syn frou omkommen, en hysels oan 'e skonken ferlamme rekke. Hy fielt him skuldich, net allinne omdat it ûngemak it gefolch wie fan syn ferkearde ynhelmanoeuvre, mar ek omdat er syn frou earder ûntrou west hat. Hy is sa traumatisearre dat er hast net oan syn eigen revalidaasje meiwurkje kin, op in stuit besiket er sels om himsels tekoart te dwaan. It libbet mar amper is in knap boek. Arend Jongsma syn psychology is oertsjûgjend, we kinne syn ynderlike prosessen goed neifiele. Dochs mist it de brille fan Een vers graf Krêftige, hallusinatoire bylden spylje in mear ûndergeskikte rol, it aparte, alles opslokkende subjektive perspektyf fan dat lêste boek is ferdwûn. Yn It libbet mar amper fine we in betreklik ienfâldich realisme en in tradisjoneler oandwaande ôfwikseling fan auktorieel en personaal perspektyf. Kwa toan fyn ik it, nettsjinsteande syn

Durk van der Ploeg ±1968 (foto argyf FLMD/Anneke Bleeker) faaks reëlere psychology, en al is it ynhâldliktematysk hielendal in Van der Ploeg, nammers ek minder oarspronklik as de nuvere groteske In man en in minske. Dêr komme dan noch wat oare tekoarten by. De ein - Arend Jongsma fynt it leafdeslok by in oare pasjinte en dus de wei nei it libben werom - is al te rimpen en psychologysk just allesbehalven oannimlik, de dialogen binne wolris wat te eksimplarysk, en ek Arend Jongsma syn dichterskip docht te opsetlik oan. Yn De Amerikaen (1977) giet Van der Ploeg, útsprutsener noch as yn In man en in minske, de wei fan de satire op, mar ditkear mei minder súkses. Govert, de haadpersoan, foldocht wer

Trotwaer. Jaargang 32 162 oan alle Van der Ploeg-kritearia. It is in gefoelige ienling, dy't lit hat ûnder de bazichheid fan syn ferstoarne frou Minke; har dea soe in befrijing foar him wêze moatte. Ek twifelet er mear oan God en Tsjerke as Minke die. Govert besiket it lok te finen troch de wei fan in kontaktadvertinsje. Mar dêr reagearret in stokâlde frou op, in Friezinne dy't - seit se - har heale libben yn Amearika wenne hat en no werom nei Fryslân wol. Yn de ferhâlding tusken Alice, de Amerikaanske, en Govert, dy't yn it boek dan sintraal komt te stean, sjogge we in protte werom fan dy tusken Jan en Tsjits Monsma. Govert lit him yn earste opslach troch it Amerikaanske bekstik ynpakke, wurdt hinne en wer slingere tusken moardplannen en meilijen, hy rekket der yn wei, lijt ûnder eangst en skuldgefoelens, tinkt oer selsmoard. Op 't lest krijt er in hertoanfal en rekket er op bêd. Alice moat him no fersoargje, se nimt it stjoer oer, en Govert skikt him benaud. It boek soe it hawwe moatte fan syn nuveraardige kombinaasje fan hilaryske humor en earnst, mar dy kombinaasje docht it net. De humor mist de swarte, tsjustere ferdjipping út In man en in minske, hy is te flau, en tagelyk stiet er sadanich op 'e foargrûn dat de tragyske ûndertoan syn tragyk ferliest. It gegeven dat Govert yn grutte, dwaze eangst in pistoal besiket te ferbergjen dat er yn Alice har guod ûntdutsen hat, wurdt einleas lang útspûn en soks makket it boek langtriedderich. Yn De dei lûkt nei de jûn (1984) besiket Van der Ploeg it realisme op in oare manear te trochbrekken. De roman fernijt ús it wjerfarren fan de bewenners fan it doarp Twifel, dêr't de ingel Gabriël in skoft yn minskestal húsmannet. De ingelfiguer soene jo in hypostasearring of sublimaasje neame kinne fan de typyske haadfiguer út Van der Ploeg syn eardere romans. Dêr't personaazjes as Ay en Arend Jongsma ôfstân fan it libben nimme omdat dat libben har benearret, is yn Gabriël de ôfstân ta it libben foarôf al in feit. Wat Ay en Arend net fine kinne: folsleine frijheid fan pine, skuld en eangst, dat is yn Gabriël dalik realisearre. It idee om gewoane minsken mei in ingel te konfrontearjen is op himsels nijsgjirrich, en dat jildt ek foar guon aspekten fan de útwurking. De ôfstân tusken minsken en ingel is sa grut, dat dy ingel, hoewol troch guon, benammen troch froulju, tige bewûndere, yn in soartemint folksgerjocht om hals brocht wurdt; Van der Ploeg liket dêr de aardige filosofyske gedachte mei te ferbyldzjen dat wy minsken folsleine perfeksje net ferdrage kinne - dêr binne we ommers ‘Twifelers’ foar. Mar as gehiel is de roman dochs net slagge: der ûntbrekt in sterke line, it bliuwt te folle in samling aardige barrentsjes, it boek wit syn op himsels tige dramatyske tema ûnfoldwaande djipte te jaan. De personaazjes misse de yntinse tragyk fan in Ay of in Arend Jongsma; de psychology bliuwt te folle oan 'e oerflakte, de ôfwikseling tusken auktorieel en pluri-personaal perspektyf is te foarsisber. Folle better slagge is it ek út 1984 datearjende ferhaal ‘Dowen’, dat it realisme wer opsiket en tematysk goed te ferbinen is mei in boek as Een vers graf, mar bygelyks ek mei In man en in minske. In man - we sjogge de trekken fan in Jan Monsma en in Govert - lijt ûnder it regear fan syn bazige, kweade frou. Hy fantasearret oer in bûtenechtlike leafde, mar doart dy leafde net te realisearjen, mei omdat er dochs meilijen mei syn frou hat, en úteinlik giet er ûnder: hy docht himsels tekoart - lykas Ay, en yn earste ynstânsje Arend Jongsma, siket er de dea op omdat er it libben net fine kin.

Trotwaer. Jaargang 32 It ferhaal hat in bysûndere foarm. It is in monolooch, mar dy monolooch wurdt útsprut-

Trotwaer. Jaargang 32 163 sen yn de twadde persoan. It is foar it earst dat Van der Ploeg mei dizze technyk eksperimintearret, mar it sil net foar it lêst wêze. Yn de novelle Bertegrûn (1993), yn guon fragminten fan de ferhalen ‘It ôfskie’ (1989) en ‘De evakuee’ (1992) en fan de novelle De winter komt (1984) komt er werom, en yn ‘It ôfskie’ wurdt ús dúdlik makke wat syn funksje is. Nei in tal rigels yn de twadde persoan lêze we dêr it yn personale en monolooch-foarm getten kommentaar op: ‘Se fernimt dat se jankend yn harsels praat yn de twadde persoan. “Myn geast hat tsjin it lichem praat. Wa bin ik? Tsjin wa praat ik?”’ It is de ferfrjemding fan de minske foar himsels oer dy't troch de wei fan de twadde persoan-technyk útdrukt wurdt. As Van der Ploeg de do-foarm brûkt, is der sprake fan in minske dy't it kontakt mei syn lichem ferliest, dy't ‘dissosearret’ of ‘net by syn gefoel komme kin’, om mar ris wat hjoeddeisk terapeute-jargon yn it nekfel te krijen. Yn 1984 ferskynde boppedat De winter komt, in novelle fan 59 siden, in topwurk. Problematyk en tematyk binne benammen te ferbinen mei dy fan In man en in minske en De Amerikaen, en ek mei dy fan it koarte ferhaal ‘Dowen’. Brand, in âldere man, gefoelich, kwetsber, skeptysk foar it leauwe oer, wennet op 'e romte mei syn frou Baef, in seksueel kâlde, leauwige fekke dy't him it libben knap ûnmooglik makket - we binne wer thús, of like fier fan hûs as altyd. Baef stroffelet oer in tried dy't troch Brand dellein is, as se raast hâldt er him dôf. Efkes letter treft er har dea oan. Mar dan begjint er him ûngemaklik te fielen. Omdat er net kaam doe't se rôp en omdat se foel oer syn tried, foar't neist ek omdat er har faak dea winske hat, wurdt er bang dat er skuldich befun wurdt oan har dea. Hy bedobbet har stikem sels en begjint tsjin oaren te ligen dat se fuort is of net mear fan 't stee komt. Stadichoan rekket er de gryp op it libben kwyt en op 't lêst ferhinget er himsels. De novelle hat grutte yntinsiteit, der stiet gjin wurd te folle yn. Brand syn psychologyske ûntjouwing wurdt hiel subtyl oproppen. Fertriet, skuld, langstme, gemis, ûnmacht - al dy gefoelens binne oanwêzich, dizze minske wurdt yn in smite fasetten delsetten. It konkrete barren krijt yn al syn ienfâld symboalyske krêft. De troch Brand spande tried is suver symboal foar syn moardsucht, en tagelyk ek fan syn skuld; syn stadige geastlike ûndergong rint lykop mei it ynfallen fan de winter. De winter is nammers in byld dat by Van der Ploeg faker mei de dea ferbûn wurdt, tink mar oan de lêste wurden fan Een vers graf: ‘Nee, Joy, Arnaud, Annie, nu komt de winterkou. Ik zie het sneeuwen en het wit wit wit.’ (s. 172) Ek yn stilistysk opsicht fyn ik De winter komt in nijsgjirrich wurk: de mear tradisjonele ôfwikseling fan auktorieel mei personaal perspektyf wurdt befrissele mei de modernere monolooch - en dy dan sawol yn de earste as yn de twadde persoan. Dy fariaasje draacht by oan de spanning en de direktens fan it boek. De ein, in stadige ‘fade-out’, fan it personale nei it auktoriële, is effektyf: de yntimiteit fan it libben makket romte foar de kâlde ôfstân en de ivichheid fan de dea.

II. 1988-2000: It ûnberikbere lok

Mei De jacht (1988) iepene Van der Ploeg in searje fan fjouwer romans dy't twa aspekten mien hawwe. Yn alle fjouwer spilet de Twadde Wrâldoarloch in wichtige

Trotwaer. Jaargang 32 rol, en alle fjouwer wurde se situearre yn 'e Dongeradielen, de streek dêr't Van der Ploeg it grutste part fan syn berne- en jongfeintejierren trochbrocht. De jacht ûnderskiedt him yn safier fan de eardere romans, dat dy twa aktive haadfigue-

Trotwaer. Jaargang 32 164 ren hat en dat de sintrale fabel bestiet út it ferrin fan harren dramatyske konfrontaasje. It binne Former Bloemkamp, de sterke natuerman, yn it leauwe frijtinker en yn it politike soasjalist/anargist, ienling út frije wil, en Lútsen Idsardi, bûtensteander nettsjinsteande himsels, de ûngeloksfûgel, ivich en erflik it pispealtsje. De mannen lizze elkoar fan natuere al net. Ek yn polityk opsicht geane se oare wegen. Lútsen, troch syn mislearringen rankuneus en wanhopich wurden, rekket by de NSB en wurdt yn 'e oarloch lânwacht, wylst Former fûleindich anti-Dútsk is. Lútsen ferriedt dûmny Cohen - in histoaryske figuer - anty-militarist, krekt as Former. En as Lútsen dan ek noch syn ferkearing oan Former kwytrekket, sit de lont fan beide kanten djip yn it krûdfet. De jacht is yn skriuwtechnysk opsicht gjin spektakulêr boek, mei syn nochal tradisjonele ôfwikseling tusken in auktorieel en in mearfâldich personaal perspektyf, mar it set de beide haadfigueren libben foar jin del en it lêst as in trein. De dramatyske spanning wurdt stadichwei opfierd, en bliuwt eins hast oan 'e ein ta grut. Dochs sjit de skriuwer in psychologysk/kompositoaryske bok. Hy lit Former, dy't ûnderdûkt sitten hat en by de befrijing weromkomt by syn Hinke, himsels tekoart dwaan. De direkte oanlieding is de dôvens fan syn krekt berne twilling, dy't er foar it earst sjocht. Mar fan Former, dy't it hiele boek troch blyk jûn hat fan syn libbenskrêft, wol my dit absolút net oan. Syn bern binne net dea, se libje; soe by sa'n natuerman dan net de fitale grutskens sterker wêze as de teloarstelling oer de dôvens? Just de anty-Dútske Former soe ek bliid wêze moatte mei de befrijing, bliid wêze moatte dat er Hinke wer sjocht, fan wa't er hâldt. Boppedat lit de skriuwer Lútsen al te stilwei út it boek ferdwine; we fernimme net hoe't hy de befrijing ûndergiet, wylst we de twa opponinten fierder it hiele boek troch folgje. Ut 1989 datearret ‘It ôfskie’, in sterk en benearjend koart ferhaal oer in gefoelige, labile frou. Se besiket geastlik ôfstân te nimmen fan har wrede man Hâns, dy't al earder it hûs út rekke is. Moai wurdt yn dit ferhaal suggerearre hoe't de frou har oan 'e iene kant befrijd fielt no't Hâns fuort is, mar hoe't se oan 'e oare kant te swak stiet om har allinne te rêden. De frou docht tinken oan guon mânljusfigueren út earder wurk: oan Brand en oan Jan Monsma bygelyks. Yn de wrede Hâns, in apteker yn oplieding, dy't op syn frou eksperimintearret, sjoch ik in fariaasje op de bazige frouljusfigueren fan foarhinne. Lykas Brand de dea fan syn frou as in befrijing ûndergean wol, wol dizze frou har ferlost fiele no't Hâns fuort is. En sa't Brand de iensumheid en de skuld net drage kin, sa kin sy de iensumheid en wrede oantinkens net de baas. Krekt as yn De winter komt en Een vers graf slagget Van der Ploeg der yn dit ferhaal yn om konkrete bylden grutte geastlike betsjutting te jaan. De frou fytst de hiele stêd troch mei in pûde mei klean en aptekersmateriaal fan Hâns - in skrinend byld: se wit net wer't se it ôfeart litte moat, lykas se ek har ynderlik ôfeart mar net kwytreitsje kin. It ferhaal krijt faasje en direktens troch syn raffinearre ôfwikseling fan personale fertelling mei monolooch yn ik- en do-foarm. Yn ‘De evakuee’, in ferhaal út 1992, hawwe we op 'e nij te meitsjen mei in gefoelige man en syn bazige frou. De man is lang lyn, yn 'e oarloch, seksueel betaast troch in evakuee, dy't er doe op 't lêst mei in skjirre ferwûne. Op in fakânsje moetet er de evakuee wer, en hy rekket fan slach. Dit ferhaal kin lêzen wurde as opmaat ta Van der Ploeg syn lêste trije oarlochsromans: yn al dy trije romans giet it benammen om de oantinkens oan 'e oarloch, yn alle trije wurkje

Trotwaer. Jaargang 32 165 dy oantinkens traumatisearjend. Spesjaal is ‘De evakuee’ dan noch te ferbinen mei It lekken oer de spegel en Reis nei de Kalkman, omdat it klisjeebylden nuansearret. In oarlochsevakuee is yn it klisjeebyld in begrutlik slachtoffer: mar yn dit ferhaal wurdt it in wrede agressor. Sa komt yn It lekken oer de spegel de fersetsheld yn in diskutabel deiljocht te stean, en wurde yn Reis nei de Kalkman suver alle klisjeefoarstellingen oeral helle. Yn 1993 ferskynde de novelle Bertegrûn, in boek fan mar 111 siden, nei de data ûnder de lêste side te oardieljen yn noch gjin oardel moanne skreaun. Ik rekkenje dit behindige wurkie lvkwols net allinne ta it hêste dat Van der Ploeg skreaun hat, mar ek ta it bêste dat de nei-oarlochske Fryske literatuer überhaupt oplevere hat. We hawwe hjir te meitsjen mei in - op 'e nij - gefoelige, labile man, dy't de wei nei lok en libben earder al slim fine koe, mar dy't as syn deminte mem te ferstjerren komt en syn freondinne by him weigiet hielendal op 'e doele rekket. Hy moat syn hûs út, omdat er gjin rekkens betellet, hy begjint te swalkjen, en op 't lêst beslút er om in hûs te bouwen op it plak dêr't syn bertehûs stien hat. As dat hûs tsjin 'e grûn smiten wurdt, bout er op itselde plak wer in hûs, mar no ûnder de grûn, en by in nije oanfal fan 'e bulldozers rêdt er it libben der mar krekt ôf. Der liket in maatskippijkritysk motyf oanwêzich - dêr't we bygelyks ek yn Een vers graf, De snoekebek en In man en in minske spoaren fan oantroffen: it motyf fan it kwetsbere yndividu dat ûndergiet yn in fersaaklike, ûnpersoanlike wrâld. By Durk van der Ploeg foarmet de aktuele maatskippijkrityk lykwols nea it haadpunt: de problematyk ûntstiet yn dizze boeken foaral út de yndividuele psychology wei. De do-foarm, it perspektyf-eksperimint dat we earder yn it folsleine ferhaal ‘Dowen’ en fierder noch in pear kear fragmintsgewiis oantroffen, krijt hjir syn optimale effekt. Dy foarm slút treflik oan by de psychology fan de man, dy't ‘himsels’, syn lok, de wei nei it libben, net fine kin. De man siket syn bertehûs op 'e nij op, en fansels betsjut dit alderearst dat er wanhopich syn geastlike thús besiket te finen, dat er siket om rêst foar syn geast en syn siele - net foar neat hat er oan it lest ta in Kristusbyldsje by him. Mar syn syktocht krijt ek de betsjutting fan in likenis; it boek oerstiicht syn realistyskpsychologyske ynhâld, sterker noch as De winter komt. It ferhaal fan de man dy't syn ‘Bertegrûn’ opsiket, ferwiist nei de minske yn it algemien, sa't dy't yn it libben stiet as ûnwennich en sykjend wêzen. It boek as gehiel wurket as metafoar; en yn dy metafoar sit in fracht oan sterke bylden ferwurke: ik neam de toer fan lege kratten dêr't de man in troan fan meitsje wol - skitterjend byld fan it breklike besykjen fan de mins! - en syn frjemde tocht troch de krûpromte ûnder syn hûs - byld fan de minske dy't him foar it lijen ferskûlet en dy't yn it tsjuster taast nei syn oarsprong. Dy algehiele metafoaryske wurking jout de do-foarm in dûbeld effekt. Realistysk-psychologysk betsjut dy foarm dat de man ferfrjemde mei himsels omgiet. Mar mei't it boek metafoar is, liket de skriuwer yn de do-foarm ek te petearjen mei himsels en syn meiminsken: tinkst datst hiel wat foarstelst, sa skynt er yn dat petear skealik te sizzen, mar eins bist - yn elts gefal foar in part - in wêzen dat wanhopich en fergees siket om rêst, leafde en wissichheid. Mei It wrede foarjier (1994) ferfolget Van der Ploeg syn rige oarlochsromans. Oars as yn De jacht brûkt Van der Ploeg no de ik-foarm, dy't moderner oandocht. Haadpersoan is Tie, in âldere man, dy't noch ien jier te libjen hat, en weromsjocht op syn ûnderfiningen yn de lêste

Trotwaer. Jaargang 32 166 oarlochsjierren. Tie wie yn dy tiid in opgroeiende jonge. Syn famylje hie ûnderdûkers en kaam oan 'e earen ta yn it fersetswurk te sitten, mar hy waard dêr sels net yn behelle omdat er noch te jong wie. Hy fielde him dan ek bûtensletten, isolearre - we werkenne de wenstige trekken fan de outsider. It skuldtema stiet yn dit boek foaroan. By in razzia waard der by Tieen-dy thús nei alliearde wapens socht. Tie hie in Ingelske kûgel en ferburch dy benaud yn in jasbûse fan in ûnderdûker. De Dútskers fûnen de kûgel en mei as gefolch fan dy fynst waard syn heit fusilearre en rekken trije ûnderdûkers finzen. Yn it boek skriuwt Tie syn wjerfarren op ‘om kwyt te reitsjen wat myn libben in heale ieu belêste hat’ (s. 13): it is benammen in bycht. We komme werom by In man en in minske, Een vers graf en De Amerikaen en it ferhaal ‘De evakuee’, omdat ek dêr de haadfiguer geduerich omrint mei in geheim. Yn In man en in minske moat Jan Monsma syn moardplannen ferbergje foar syn frou en ek foar oare minsken, en as syn frou dea is, mei er de oarsaak fan dy dea net ferriede. Yn Een vers graf wol Ay syn djipste eangsten net oan de psychiater ferriede, omdat er bang is dat se ûntdekke sille dat er slim siik is en dat er útlevere wurdt ‘aan het medische apparaat’ (s. 57). Yn De Amerikaen besiket Govert hiel lang om Alice har pistoal te ferbergjen. En yn It wrede foarjier spilet it ferbergjen fan in geheim in mearfâldige rol. Yn earste ynstânsje moat de jonge Tie ferbergje dat der yn syn hûs ûnderdûkers sitte en fersetsdieden dien wurde. As er by it boartsjen per ûngelok in kear pakt wurdt troch de Dútskers, swijt er mei klam, mar seit er op 't lêst dochs syn adres; dat feit ferberget er dan thús wer, út skamte. En nei de needlottige ôfrin fan de razzia moat Tie tenei in geheim drage dat syn libben behearsket. Yn It wrede foarjier wurdt, krekt as yn De jacht, in protte spanning opboud. Mar mear noch as foar De jacht jildt foar dit boek dat de ein net oertsjûget. De skriuwer beslút syn boek mei in epilooch dy't in te fredige, berêstende toan hat, folslein yn tsjinspraak mei de sfear fan spanning troch skuld dy't er it hiele boek troch opboud hat, en dy't as sadanich in antyklimaks foarmet. Boppedat wurdt it skuldtema te eksplisyt en te faak oer it fuotljocht brocht, sadat it boek oan suggestive krêft ferliest. Reis nei de Kalkman (1995) is de tredde roman út de searje. De oarloch ropt dizze loop grutte ynhâldlike rykdom op. Sintraal stiet de ûntjouwing fan de leafde tusken Anna Richter en har Dútske buorman Günther, dy't úteinlik mistribelet omdat Anna har leafde fielt as - skuldich! - ferrie oan har man Jelle, yn 'e oarloch as fersetsman omkommen. De oarloch stiet de leafde yn 'e wei, lês ik dêr as tema yn, en datselde tema wurdt yn it boek nochris oanrekke yn in sydtûke. Gretha, Anna har freondinne, hat yn 'e oarloch ferkearing krige mei in Dútsker, dy't letter oan it eastfront stoar. Oeral yn Reis nei de Kalkman liket de skriuwer te warskôgjen foar simplifisearring fan ús fisy op it oarlochsferline. Günther is in Dútsker, mar blykt fûl op Hitler-Dútslân tsjin west te hawwen. Gretha wie in ‘moffehoer’, mar yn it boek wurdt har leafde foar de Dútsker heroysk. De famylje fan de ik dy't it boek skriuwt hat ûnderdak jûn oan in Dútske soldaat dy't desertearre. Wolfgang, Günther syn broer, dy't Anna har man wierskynlik fermoarde hat en yn 'e oarloch as in wreden hont bekend stie, lit in krânse op Anna har grêf lizze omdat er him ferantwurdlik en skuldich fielt. Hieltyd wer moatte we ús byld fan de personaazjes bystelle en ferdjipje. Ik fyn it boek better as syn beide foargongers. It is hecht komponearre en rekket syn

Trotwaer. Jaargang 32 167

Durk van der Ploeg 1990 (foto argyf FLMD/Bertus Klazinga) kompaktens oan 'e ein net kwyt troch nedeleaze útlis en abstrahearring. It sit technysk knap yn elkoar en giet op in eigentiidske manear om mei it perspektyf. Op 'e nij brûkt Van der Ploeg de monolooch-foarm, mar ditkear op in folle kompleksere wize. De ik wurdt nammentlik net allinne opfierd as personaazje dat syn eigen ûnderfiningen beskriuwt, mar benammen as observator. Hy makket notysjes - sa wurdt yn dit boek, lykas yn It wrede foarjier, it skriuwen tematisearre - fan de deiboeken fan Anna, ien fan de wichtichste haadpersoanen, en fan petearen mei de oare figueren. De ik moat it dêrtroch dwaan mei in frij passive rol, mar it aardige is, dat ek dy passiviteit tematyske betsjutting krijt: hy fielt him oan 'e ein fan it boek skuldich oer it feit dat er te min foar Günther dien hat, ek foar him jildt: ‘skriuwe is bychte’ (s. 191). En hoewol't we de ik mooglik in te grutte passiviteit ferwite kinne - troch syn ei-

Trotwaer. Jaargang 32 168 gen leafde foar Anna hie er ek in motyf om Günther net by te stean - is syn skuld tagelyk ek sa non-spesifyk dat er nei in universele eksistinsjele skuld liket te ferwizen; wa fan ús hat altyd genôch dien om syn meiminsken by te stean? Yn It lekken oer de spegel (1995), de lêste oarlochsroman, hâldt Van der Ploeg it hege nivo fan Reis nei de Kalkman fêst. Ek hjir is de nuansearring fan it klisjee belangryk. Benjamin, de ferteller, en syn bruorren en susters, hawwe altyd tocht dat harren broer Simon de deis foar de befrijing troch útnaaiende Dútskers en kollaborateurs delsketten is, en syn heldedea hat harren holpen om har mei syn dea te fersoenjen. Mar yn 'e rin fan it boek blykt Simon al moannen foar de ein fan 'e oarloch troch it ferset op non-aktyf steld te wêzen; hy is yn min ofte mear ûnearfolle omstannichheden omkommen. Van der Ploeg ekspearimintearret yn It lekken oer de spegel op 'e nij mei de foarm. Benjamin ferhellet ús de skiednis fan Simon, en fan syn eigen ferhâlding ta Simon, fia syn eigen deiboek, en dêrneist fia lûdsbantsjes dy't er opnaam op famyljedagen. Dy perspektivyske fariaasje wurdt goed en effektyf tapast. It boek lest as in detektive, dy't stikje foar stikje de wiere tadracht fan Simon syn dea priisjout. Ek seit it boek ús wat oer hoe't we yn mear algemiene sin mei ús beminde deaden omgeane. Benjamin wol de neitins oan Simon net skansearje litte, omdat er Simon as in goede ingel by him hâlde wol. Dy goede ingel blykt úteinlik haadsaaklik in kreaasje fan himsels, hy hat der ferlet fan, om it gemis oan in deade broer te kompensearjen, faaks ek om skuorren yn syn eigen libben te lymjen. Dêrmei seit it boek tagelyk ek wat oer de pretinsje fan it skriuwen, fan de keunst. ‘Is alles wat ik opskriuw ferlern?’ sa freget Benjamin him ôf. ‘Dan is it ûnthâld in wreed oardiel, en it libben sinleas.’ It lekken oer de spegel is in roman oer de betsjutting dy't de minske oan syn oantinkens jaan wol. Nijsgjirrich fyn ik it ferhaal ‘Needlot’ (1995), omdat it it wenstige skuldtema mei klam algemien-minsklike betsjutting liket te jaan. In oerienkomst mei de roman Reis nei de Kalkman is, dat de passiviteit fan de haadpersoanen har skuldich skynt te meitsjen. Yn dit gefal bestiet der lykwols gjin freonskipsrelaasje mei de slachtoffers en is der noch minder as yn Reis nei de Kalkman sprake fan oanwiisbere skuld. Fan gefolgen wurdt de skuld en it skuldgefoel yn dit ferhaal sterker ferbûn mei it libben as sadanich, wurdt der sterker in aspekt fan it minske-wêzen mei útdrukt. Wierskynlik moatte we sizze dat dêrmei yn dit ferhaal nei de foargrûn helle wurdt wat yn in protte oare boeken bedutsener oanwêzich is. De ferhalen ‘Needlot’ en ‘Twa heiten’ (1992, 1995 en 1996) lykje fierder it kompassy-elemint te beklamjen dat yn Van der Ploeg syn fassinaasje foar de bûtensteander en de ferhûddûke minske fielber wurdt. Nei de Dongeradielster searje brocht Van der Ploeg noch twa oare romans út. De earste wie In bit yn 't iis (1996). Tim Buma, de haadpersoan út dat boek, is, lykas sa faak, de problematyske ienling dy't der net yn slagget de wei nei libben en lok te finen. Ek as er op lettere jierren noch in frou moetet, Els, wurdt it him net. De twa kinne elkoar net berikke; op de mominten dat Tim sin oan Els hat, bedjert er de boel troch der te ferwoest yn te batsen; en as Els op him ta wol, is hy geastlik ôfwêzich en ûnberikber. Ek Tim lijt ûnder in geheim. Hy hat earder troud west, en der is in soan út dat houlik, mar hij ferswijt soks foar Els. Dat is namste dramatysker, omdat Els just longeret op Tim syn ‘be-

Trotwaer. Jaargang 32 169 stjurre driften en geheimen’ en him der nei alle gedachten net om ôfwize soe. Dochs wurdt de outsider yn dit boek op in nije manear beljochte. Tim Buma komt stadichwei ta oanfurdiging fan syn tekoart - hy komt ta de konklúzje dat ‘begearte it moaiste is wat it libben bringe kin’; hy fynt syn lok yn de langstme nei it lok. Op dit stik soene jo it boek suver in wat positivere pendant fan Bertegrûn neame kinne. De byldzjende ein - Tim komt, by ûngelok, om yn in sels oanstutsen fjoer, lykas professor Kien yn Die Blendung - foarmet de konsekwinsje fan dy geastlike staat: it fjoer symbolisearret, sa lês ik, de langstme, en Tim komt der yn om mei't de langstme syn uterste ferfolling is. Yn Skepsels fan God (1998), giet Van der Ploeg op 'e nij werom nei syn bertestreek. De roman hat de opset fan in dokumintearre roman oer histoaryske gegevens, mar dy opset is in ferrifeljende skriuwerstrúk; it giet hjir om suvere fiksje. Alles draait yn dit boek om de twilling Wander en Tsjaard van Kleffens, problematyske ienlingen wer, mannen dy't bûten de mienskip steane. Ik sjoch oerienkomsten tusken oan 'e iene kant Wander en Tsjaard, en oan 'e oare kant Former Bloemkamp en Lútsen Idsardi út De jacht. Ek hjir stjitte we op de opposysje fan de fitale natuerman, dy't boppedat yn saken fan it leauwe skeptysk en frijtinkerich is, en de kwetsbere ferskoppeling. Skepsels fan God is in aardich boek. De psychology fan de beide jonges wurdt mei wisse pinsielstreken troffen, it ferhaal wurdt goed ferteld, treflik opboud ek; de komposysje is hechter as dy fan De jacht, de ûntknoping foarmet no echt in dramatyske klimaks en by beide haadpersoanen wurde de triedden ôfbreide. De kultuerhistoaryske kontekst krijt behoarlik foarm - boeiend yn dat opsicht binne bygelyks de passaazjes oer it konvintikel dat Tsjaard besiket, en ek dy oer de hynstetrem dêr't Wander mei nei hûs ta reizget. It is lykwols ek in tradisjoneel boek, dat krekt as De jacht de wat foarsisbere ôfwikseling sjen lit tusken auktorieel en personaal perspektyf. Boppedat, of miskien mei dêrtroch, wurdt it ynderlik libben fan de personaazjes soms ryklik fan bûtenôf beskreaun. Wat dat oangiet fyn ik it boek minder nijsgjirrich as bygelyks de lêste twa oarlochsromans en as In bityn 't iis, mar yn wêzen ek minder eigen en apart as In man en in minske. Dêr komt dan noch by dat Van der Ploeg wat te eksplisyt en te faak doelt op de needlottige ôfrin fan it ferhaal. It wurk fan 'e duvel, Van der Ploeg syn lêste roman (2000), is benammen te ferbinen mei De jacht en Skepsels fan God. Ek yn dit boek giet it om in wiid útwaaierjende fertelling, in epos suver, en ek hjir leit it aksint sterk op de ûntjouwing fan it dramatyske konflikt. Ek yn skriuwtechnysk opsicht folget it boek fierhinne it tradysjonele patroan fan syn beide foargongers, mei syn ôfwikseling tusken in personaal en in auktorieel perspektyf. Oars as yn de twa oare boeken hat It wurk fan 'e duvel lykwols mar ien sterke, aktive haadpersoan. It is de wûnderdokter Hartman Lautenbach, berne by Kûkherne op 'e heide. Hartman is in man dy't bûten de mienskip stiet, hy hat de bewende trekken fan de ienling. Kwa aard docht er tinken oan Wander Kleffens en Former Bloemkamp; Hartman is de sterke natuerman en ek de skeptikus, dy't it byleauwen fan syn streekgenoaten brûkt. Noch in ferskil mei de beide oare grutte ‘epen’ is it feit dat de tsjinstanners yn it dramatyske konflikt ditkear as persoan nochal op 'e eftergrûn bliuwe. Se meitsje diel

Trotwaer. Jaargang 32 út fan 'e heidemienkip, dy't Hartman úteinlik as mienskip feroardielet en in folksgerjocht oandocht. It

Trotwaer. Jaargang 32 170 motyf fan it folksgerjocht - by útstek it tragyske lot fan de bûtensteander - troffen we earder oan yn De dei lûkt nei de jûn, Reis nei de Kalkman en Skepsels fan God. It wurk fan 'e duvel hellet it net by de eardere twa ‘epen’. It wichtichste punt is wol dat Hartman syn psychologyske ûntjouwing my net oertsjûget. Beskiedende barrens lykje te faak fan bûtenôf oan Hartman optwongen te wurden, te min fuort te kommen út syn ynderlik. De flashbacks, dy't de skriuwer foar de feroaring troch de personale en auktoriële passaazjes hinne frissele, hawwe almeast te min betsjutting foar de rinnende tekst. Boppedat wurdt de tsjustere ein fan it boek ek hjir te neidruklik oankundige.

III. De psychologyske roman libbet

Van der Ploeg syn tematyk is werkenber en autintyk: hy skriuwt faak oer de gefoelige minske, dy't it libben amper of net oankin, de minske dy't lijt oan it libben, dy't ek lijt ûnder de oare minske. Syn haadfigueren sykje altyd it lok en it libben, de frijheid en de ferfolling, mar gauris wurde se de wei fan de ferstjerring en it fergean opdreaun, omdat se de lest fan har libben - fan de pine, it trauma, de eangst, de skuld - net drage kinne. Fan 1988 ôf feroaret der wat yn syn wurk. De problematyk fan de ienlingen wurdt tenei minder beskaat troch har yndividualiteit allinne; se wurde faker as earder aktyf ûnderdiel fan in dramatysk konflikt, lykas yn De jacht en Skepsels fan God. Ek komme se dúdliker yn in sosjaal-maatskiplik en histoarysk fermidden te stean, benammen yn de oarlochsromans. Yn Reis nei de Kalkman is it eins mear it oarlochsbarren as it persoanlik ûnfermogen dat Günther en Anna by elkoar weihâldt - al is it fansels keunstmjittich om dy twa eleminten te skieden. Van der Ploeg is almeast in goed ferteller en in skriuwer dy't oer in treflik empatysk fermogen beskikt. In roman as De jacht, betreklik tradisjoneel fan opset, boeit ús dêrom hast it hiele boek troch en ek Skepsels fan God is in slagge fertelling. Mar nijsgjirriger wurdt syn wurk as er syn haadfigueren ticht op 'e hûd sit, lykas yn In bit yn 't iis of It libbet mar amper. Ta syn topwurk rekkenje ik Een vers graf, Bertegrûn en De winter komt en ek koarte ferhalen as ‘It ôfskie’. Yn dat wurk set er op fasetrike wize komplisearre karakters del, it hat grutte yntinsiteit, it byldmateriaal is oarspronklik en oangripend. Boeiend fyn ik ek de lêste twa oarlochsromans, Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel, dêr't er de problematyk fan it traumatisearjende oarlochsferline út in eigentiidsk subjektyf perspektyf wei en mei slagge nuansearring beljochtet. Yn syn bêste boeken is er modernist tusken de modernisten; guon bylden en tema's roppe oantinkens op oan it wurk fan Wolkers en Kosinski, de lêste oarlochsromans binne tematysk te ferbinen mei dat fan Hermans. Binnen de Fryske literatuer binne der tematyske oerienkomsten oan te wizen mei de boeken fan Riemersma en Wadman. By dy beide skriuwers giet it faak allyksa om de bûtensteander en de ferliezer; fierder docht de tematyk fan de nuansearring fan it oarlochsferline him benammen by Wadman noch alris foar. Ek kwa styl en perspektyf beskôgje ik dat wurk as modern, sawol as er allinne de monolooch brûkt, lykas yn Een vers graf, as wannear't er de monolooch ôfwikselet

Trotwaer. Jaargang 32 mei de personale en de do-foarm. Hiel bysûnder yn stilistysk opsicht binne Een vers graf en Bertegrûn; de earste roman omdat dêr yn de monolooch hjoed, ferline en hallusinaasje op ferrassende wize mei elkoar befrissele wurde; de lêste omdat dêr de do-foarm op folslein oarspronkli-

Trotwaer. Jaargang 32 171 ke wize en mei grut risseltaat tapast wurdt. Der binne allerhande arguminten yn te bringen tsjin Rodenko syn stelling dat de psychologyske roman dea is. Ien fan de sterkste, dat nammers al yn 1956 troch Vestdijk utere waard, is it argumint dat de psychologyske roman de moderniteit oerlibbe hat - dat der ek hjoed de dei noch goede psychologyske romans skreaun wurde, mei moderne middels3.. Van der Ploeg syn bêste wurk befêstiget dat argumint op in fitale manear.

Eindnoten:

1. Ik gean djipper op dizze problematyk yn yn myn ynlieding by De moderne roman as moraliteit, in kar út de essays fan Jo Smit, dy't dit jier útkomme sil by de Koperative Utjouwerij. 2. Ton Anbeek, Geschiedenis van de Nederlandse literatuur 1885-1985 (Amsterdam 19964), s. 183. Neffens myn útjefte fan Rodenko syn Verzamelde essays en kritieken wie Rodenko syn essay ferskynd yn 1946. 3. Dat die Vestdijk yn it essay ‘De psychologie in de roman’, dat foar it earst ferskynde yn de essaybundel Zuiverende kroniek (1956).

De fûke: it boek sloopt foar de film? (1)

Foar in goeie film moatst in boek earst slope. Regisseur Steven de Jong op in byienkomst oer Fryske films en literatuer; Ljouwert, 29 jan. 1999.

Als ik het boek niet gelezen had, zou hier dan een ander verhaal staan? Een film. Een verfilming van een boek. Van een boek dat ik mooi vond en nog steeds vind. Naar zo'n film ga ik bij voorkeur niet. Het risico is groot dat de filmbeelden zo sterk zijn dat je eigen verbeelding je ontnomen wordt. Wat nu met De fûke? Het begint met luide filmmuziek - mijn film is waarschijnlijk stil. Vervolgens verdwaal ik in het landschap - maar de man klopt. Zelfs Bijke past in dit beeld. Voor eventjes dan, wat mij betreft, al zou het alleen zijn om het mooie eindshot aannemelijk te maken. Ik ben geen rappe lezer. Mijn film zou traag zijn. De man flitst niet van de ene naar de andere gedachte. Gedachten worden langzaam helder terwijl hij wat ‘oanpielt’. En zonder stemmingmakerijen als dreigende muziek, actie op het water. Laat de kijker zelf maar meedenken. En wat vind je van de film, is dan de vraag. Mooi, is m'n antwoord. En dat vooral door Rense Westra. Hij hield me bij het boek. Hij wist me te raken. Dagen later zie ik nog steeds het beeld van de man in z'n cel wat ‘mankelyk’ spelen op de mondharmonica van z'n zoon. Het boek wist me van begin tot eind in de greep te houden. De film gaf me een paar indrukwekkende beelden. En dat is mooi. immy tappers

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 172

Sapfo fan Lesbos Fersen oerset troch Atze Keulen

Sapfo waard berne oan 'e ein fan 'e sânde ieu foar Kristus op it eilân Lesbos. Dêr hie hja letter in soarte fan skoalle foar jongfammen, dy't wijd wie oan Afrodite en de Muzen. Mei de jongfammen libbe hja yn in grutte affeksje en yntimens, makke fersen oer harren, en brulloftslieten as hja trouden. Sels wie se ek troud en hie se in famke mei de namme Kleïs (Sapfo har mem hiet ek sa). Fierder is der oer har libben hast neat bekend. Njonken ien folslein gedicht (‘Afrodite’) binne inkeld fragminten fan har wurk oerbleaun. (Yn Trotwaer 1992-5 steane tsien fersen fan Sapfo yn in oersetting fan Klaas Bruinsma. Sjoch foar Nederlânske oersettingen û.o. Sappho van Lesbos, Eros ontwortelt mijn hart. Gedichten en fragmenten. Ingeleid en vertaald door Aart R.P. Wildeboer en Pierre J. Suasso de Lima de Prado, 19912; en Sapfo, Gedichten. Vertaald en toegelicht door Mieke de Vos, 1999.)

fr. 1

Flûnkertroan'ge ivige Afrodite, Zeus syn dochter, flechtster fan listen, 'k smeek jo: brek doch net myn hert mei fertriet en kwellings o masteresse;

mar kom nei my ta as jo ek eartiids wol my fan fierrens hearden en nei my harken en it gouden hûs fan jo heit ferlieten en by my kamen

op jo wein fan goud; moaie flugge mosken loeken jo omleech nei de swarte ierde út 'e himel mei harren rappe wjukslach dwers troch de loften.

Ringen kamen s' oan; en jo, o loksill'ge, glimkjend mei jo ivige jeugdich antlit fregen wat my no wer mankeart, wêrom't ik wer jo te help rop,

Trotwaer. Jaargang 32 173 en wat ik dwylsinnich it leafste ha wol: ‘Wa moat ik dan no wer nei dy ta driuwe, Sapfo, wa wolst no wer as dyn freondinne? Wa docht dy ûnrjocht?

Want al draaft se fuort, daliks rint se dy nei, ek al wol se no gjin kado, skylk jout se, en al mint se net, daliks sil se minne ek as se net wol.’

Kom ek no by my en ferlos my fan myn swiere soargen, lit foar my barre wat ik sa fol langstme wol dat der bart, wês sels myn maat by it striden. fr. 31

Lokkich as de goaden is yn myn eagen jinse man dy't rjocht foar dy oer deun by dy sit en lústert, ien en al ear, nei 't swiete lûd fan dyn stimme en dyn leaflik laitsjen dat my foarsiker yn myn boarst it hert op 'e doele brocht hat; sjoch ik dy mar ien amerij, gjin lûd mear komt út myn mûle, mar as lead sa swier leit myn tonge brutsen, daalks streamt troch myn hûd in subtile gloede, neat kin ik mear sjen mei myn eagen, gûnzjend sûzje myn earen, oeral stiet klam swit op myn lea, ik trilje hielendal en fealer as hea noch bin ik, hiel tichtby is no mei syn hân de dea, ik kin him hast rikke.

Mar ferneare moat men it, alle pine, want...

Trotwaer. Jaargang 32 174 fr. 104 a

Jûnstjer, do bringst alles thús wat de strielende dage fersprate, do bringst it skiep en de geit wer werom, ek in bern nei har mem ta.

fr. 105 a

Lykas de apel dy't ryp wurdt op 't uterste ein fan 'e twigen hielendal heech yn 'e beam, by it ploaitsjen ha se 'm fergetten, nee, fergetten ha se him net, mar se koene 'm net rikke.

fr. 105 c

As d' hyasint yn 'e bergen dy't harders by 't rinnen fertraapje, dêr leit de poarperen blom op 'e grûn...

fr. 34

Stjerren dy't no flamkje om 'e moanne hinne sille daalks har glânzjende ljocht ferlieze, as de moanne fol mei har sterkste gloede d' ierde bestrielet... fr. 94 D

De moanne is ûndergongen de Sânstjer ek al, 't is midsnacht. De tiid giet foarby, en ik lis allinne op bêd te sliepen. fr. 132

Ik haw in pracht fan in famke, se liket op blommen fan goud, en hjit Kleïs, myn skatsje. Har woe 'k net ruilje as wie 't foar hiel Lydië, ek net foar leaflike...

Trotwaer. Jaargang 32 175

In swak hert Ulke Brolsma

‘Ja, ús heit wie stapelgek.’ Syn nicht siet tsjinoer him. Sy hie wolris wat grútsjen heard oer har pake mar gjin ien hie har ea ferteld wat der bard wie. Omke Mincu wie noch de iennichste dy't it meimakke hie. Oaremoanne waard er 94. Oare famylje wie der net mear. ‘Wat der oer him sein wurdt is allegear wier. It is net sa'n moai haadstik foar de famylje, mar it is net oars.’ ‘Dêr lei er op it plein. It wie hjit. En hy kaam net mear oerein. Wy stiene mei syn allen nei him te sjen. Us mem, myn bruorren Tache en Ion, dyn heit, en ek omke Vlad, syn eigen broer. Hy lei der mar, de eagen wiidiepen. We rôpen, hy andere net. Us mem brocht him wetter. Hy liet it ta, mear net. It hiele doarp stie der omhinne. It duorre in oere en noch in oere. Elkenien wie der mei oan. Guon besochten om him skrikke te litten. Slûpten op him ta en klapten yn 'e hannen. Jonges goaiden foarsichtich mei stientsjes.’ ‘It wie wat. It wie myn heit. Mei dy man hiene we it de lêste jierren net rom hân. Earst wie hy in leave heit. Dat feroare doe't ik in jier as tolve wie. It wie krekt as mocht er my net mear lije. Ek myn beide bruorren, Tache en de lytse Ion, behannele er hiel oars. Mar doe't er dêr sa hinne lei, sa oars, sa stil, sa frjemd woe ik hast wol dat er oerein kaam om my in opdonder te jaan. Mar hy die it net. Hy knipere net iens mei de eagen.’

It begûn einliks hiel gewoan. Ik wie 15. It wie op in dei dat de gleone sinne gjinien pardon joech. De minsken út it doarp sieten yn 'e hûs en wachten op it ein fan 'e middei. Bulbucata hiet it plakje. Trijehûndert ynwenners, wat kij, skiep en dat wie it wol. Ik gie tsjin 'e jûn wer op hûs oan. Mei fjouwer kij fan omke Vlad wie ik de hiele dei nei it lân by de rivier west. Us mem koe my dêr net benei komme en heit miste ik dêr ek net. De hiele dei hie ik yn it wetter lein. Dat koe bêst, de kij rûnen dochs net fuort. En at se al wat yn har botte koppen hellen, dan wie ik der samar by. Ik hie wat ompield en kreeften fongen. It amerke wie aardich fol rekke mei dy grutte swarte bisten. Omke Costel hie my ferteld dat de minsken yn Boekarest soks net ite woene. Se fûnen it iten foar boeren. Soks koe ik my net yntinke. Ik wist hoe't se aansens thús op him sieten te wachtsjen. ‘Hoefolle hast fongen?’ soe de earste frage wêze. Myn maten Alecu en Pavel hie ik dy deis ek by de rivier ferwachte. Soene se my mije? Ik tocht oan wat Pavel lêsten tsjin my sein hie. It gie oer ús heit. Meastentiids neamden de jonges it net, mar ik wist dat it hiele doarp it wist.

Trotwaer. Jaargang 32 176

Se fûnen ús heit in rûgenien. Skelle, raze, soms sloech er wolris ien. Doe't ik juster tsjin Pavel begûn te skellen rôp dy: ‘Hé gek, do likest jim heit wol.’ Ik hie him oanfleane wollen, mar Pavel wie laitsjend fuortrûn.

Doe't ik thús kaam siet dêr in fracht folk. Omke Costel wie op besite kommen mei muoike Mariana. Us heit kaam ta de doar yn; it gesicht stie swart; deisizze die er amper. Hy skode oan tafel. Die syn mûle net ien kear iepen. It like my it bêste ta om de grutten gewurde te litten. Ik rûtste daliks wer by de stoel del en gie nei bûten ta. Fluitsjend rûn ik nei de ein fan de strjitte. ‘Hast it al heard?’ Pavel stie ynienen efter my. ‘Wat?’ ‘Oer jim heit. Hy soe in deimannich wurkje foar dy grutte boer by Bran, witst dochs wol, dy Stãnescu. Hy hat dy kearel in klap ferkocht. De boer woe him sizze hoe't er in sket timmerje moast. En samar ynienen krige er in opdonder. Dy hoecht net wer te kommen.’ Ik rûn fierder. Ik woe it net heare. Ik hie it al sa faak meimakke dat ús heit slimme stikken úthelle. Us heit fertelde der nea oer. Altyd hearde ik it fan myn freonen. Heit siet meastentiids sûnder wurk. De boeren hiene net folle nocht oan sa'n losarbeider. Mei omke Vlad stie it der hiel oars foar. Dy hie it fier brocht. Wenne yn in grut hûs. Mei de skuorren der by, wie alles oan ien kant fan it plein fan him. Omke Vlad wie de rykste man fan Bulbacata. In man dêr't minsken kamen om jild te lienen. Wy hiene alle dagen it each der op; wy wennen der neist. Us heit rôp my. Ik draafde werom. Ik wist dat at heit in min sin hie, ik daliks komme moast. Se sieten mei syn allen om 'e tafel. It iten, in panne fol mamaliga - giele maisbrij - stie klear. En foar heit en mem, omke Costel en muoike Mariana wie der kreeft, de bisten dy't ik mei myn bleate hannen fongen hie. Ik krige der neat fan. Protestearje koe wol, mar dan wie der in bêste kâns dat de hân fan ús heit útskeat. ‘Wêr wiesto?’ raasde er. ‘Ik seach noch eefkes of ik de kij wol fêstsetten hie.’ ‘As ik rop komst direkt, hearsto. Hast neat mei Vlad út te stean. Ik bin dyn baas!’ Hy begûn hieltyd lûder te razen. Mei grutte skrille eagen seach er my oan. ‘Hearsto jonge, hearsto. Ik ha 't hjir foar't sizzen en net Vlad. Dat moast der noch bykomme. No kom op, sis wat!’ Ik wist dat ik mar ien ding dwaan koe. ‘Ja heit,’ sei ik foarsichtich en net te lûd. As ik it te lud sei, dan wist ik wol wat der heefde. ‘Do moast sa net tsjin dy jonge, ferdomme. Hy sjocht teminsten nei de bisten om. Dêr koesto noch wol wat fan leare.’ Omke Costel hie him noch nea wat oanlutsen fan syn broer Gheorghe. Vlad wie de âldste, dan kaam Costel. Us heit wie de jongste.

Trotwaer. Jaargang 32 177

‘Hâld dy der bûten, âlde rotsak. Meist hjir ite. En my dan fertelle wat ik wol of net dwaan moat?’ De fûst kaam del. ‘Hâld dochs op!’ Dat wie beppe Silvia. ‘Pak dyn leppel en yt. Dit is myn hûs.’ Sa liet skoanmem, santich jier âld, ús heit fyntsjes witte oan waans tafel hy iet. Elkenien wist fan wa't it hûs wie. Beppe Silvia liet him dat elke dei wol in kear witte. Wy mochten der wenje, mar ús heit en mem moasten foar beppe soargje. At se stoar, dan krige ús heit it hûs. Sa gie it altyd yn Bulbacata. Us heit hold him stil. ‘Hie heit rúzje mei de boer?’ frege Tache. Heit skeat omheech. ‘Jimme binne krekt in stel âlde wiven. Wa hat dy dat ferteld?’ ‘Och,’ sei Tache dy't, achttjin jier ald, in kop boppe ús heit útstiek, ‘wa hat it der net oer?’ ‘Wat hasto útfretten?’ Silvia klonk driigjend. ‘Ik wol yn myn hûs allinne fatsoenlike minsken.’ Foar't ien wat sizze koe, fleach heit syn board mei iten tsjin 'e muorre. De giele mamaliga spatten sieten oeral. ‘Rotwiif mei jo hûs dit en mei jo hûs dat. Ik wachtsje al jierren oant jo einliks ûnder de grûn ferdwine. Dan is it myn hûs!’ ‘O, tochsto dat.’ Silvia rekke yn fjoer. Dit wie in petear dat ik al sa faak meimakke hie. Ik wist wat Sylvia no sizze soe. Dat se noch neat op papier set hie. Dat se har hûs jaan koe oan wa't se woe. En ja hear. ‘Dat hûs fermeitsje ik miskien wol oan Mincu. Dan moatsto him freegje asto hjir sliepe meist.’ Dat hie ik noch net earder heard. Hat se dochs werris wat nijs útfûn. Us heit trille der oer. Syn holle wie fjoerread. ‘Tochten jo dat, tochten jo dat. Ik myn soan freegje of ik hjir wenje mei.’ ‘Ja wis,’ sei beppe Silvia, ‘it liket my hieltyd in bettere gedachte ta. Do bist sa'n ûngeloksminske. Yn in omsjoch is dit hûs fuort asto de baas wurdst. Kinst net iens fatsoenlik rekkenje. Moatst ris nei Tache of Mincu sjen. Of nei de lytse Ion. Dyn bern kinne it allegearre better as har heit.’ ‘Ik gean hjir wei. Ik gean hjir wei.’ Dat hie ik ek al earder heard. No soene se noch in skoftsje skelle en tjirgje en dan wienen se wer bekommen. Lykwols, ús heit waard op slach kalm. ‘Ik gean hjir wei. Ik bou sels in hûs. Foar Niculina, Mincu, Tache en ús lytse Ion.’ Beppe moast der om laitsje. ‘Do bist in grutte keardel,’ sei se. ‘Hoe faak hast net wat oanpakt. Witsto sels noch wol hoe faak?’ ‘Alde slang, elke dei yn dyn hûs is ien tefolle.’ ‘No gean mar, wêr woest dyn paleiske bouwe? Wurdt it like grut en moai as it paleis fan kening Carol?’ ‘Sa kin 't wol.’ Costel hie syn nocht fan it getsier. Altyd as hy kaam wie der gedonder. ‘No, dan bout Gheorghe syn hûs en dan binne we fan alles ôf.

Trotwaer. Jaargang 32 178

Klear. En no ite graach.’ It holp neat. ‘O, Gheorghe wêr woesto dyn hûs delsette?’ frege beppe Sylvia leaf. ‘Ik ha hjirneist in stikje grûn en dêr bou ik myn hûs.’ Us heit sei it kalm, as in man dy't in wichtich beslút nommen hie. ‘Ja, dat is wier,’ sei Costel. ‘Do hast hjir grûn. Sa komst moai ticht by Vlad te wenjen. Kinne jimme noch wat mear oan elkoar hawwe.’ Ik wist dat omke der neat fan miende. ‘Ja,’ begûn Silvia, ‘wat sille dat moaie jûnen wurde! De beide bruorkes tegearre. Kinsto elke dei sjen dat er wer mear jild syn hûs yn kroadet. En do, do stiest der by en kinst allinne mar sizze, wêrom ik net?’. Us heit pakte in bank op, tilde dy boppe de holle en smiet 'm op 'e itenstafel. ‘Stjer jimme allegear!’ En fuort wie er. Silvia rôp him noch efternei: ‘Do bist krekt sa'n idioat as dyn heit.’ Oan ús mem frege se: ‘Wêrom, leave Niculina, bist dochs mei sa'n wyldenien troud?’ Us mem sei neat. Ik wist dat har jûns noch wat te wachtsjen stie. At se dan út 'e hûs kaam, hie se in doek stiif om 'e holle. Dan koenen se de blauwe plakken net sjen. Miende se.

De bou makke ik net mei. Omke Costel hie my frege om nei Boekarest te kommen. No 't ik fyftjin wie, koe ik by him it skuonmakkersfak leare. Dêr wie letter jild mei te fertsjinjen. Ik hie der eins gjin nocht oan. De hiele dei yn 'e hûs, altyd mar wer skuon, skuon. Mar wat koe ik oars? Nei de stêd ta te learen? Dêr wie gjin jild foar. En altyd mei in pear kij op 'n paad, dat wie ek gjin takomst. Ik hie it dochs mar dien. Sa wie ik ús heit ek kwyt. Omke Costel wie in stille evenredige man, hiel oars as syn beide bruorren. Nei in moanne as fjouwer frege omke Costel: ‘Jonge, do bist no al skoftsje fan hûs, wolst fêst in kear werom. It begruttet my ek in bytsje om jim mem.’ ‘Ja omke, it begruttet my ek, mar omke wit wol hoe't it thús is.’ ‘Do giest moarn nei Bulbacata en moandei komst werom.’ Omke joech my jild en sa gie ik werom nei myn eardere libben.

It nije hûs stie der, dat seach ik dalik. Mar it wie mis, goed mis. Mem hie in holdoek om. Wat wie se oars bliid dat ik der wer wie. Tache kaam my temjitte. ‘Do sjochst der mar moai út mei dyn skuon.’ Hy rûn sels, lykas elkenien op bleate fuotten. We tuten elkoar. ‘Hast it fier brocht. Wa hie dat tocht,’ gnyske er. Tache gie op in hiel oare wize fierder: ‘Heit is gek, hy bout mar en hy bout mar. Praat mei gjinien. Wol net dat wy him helpe. Seit dan: “Ik kin it allinnich wol oprêde.” No ja, hy giet syn gong mar, tink ik dan. En no is omke

Trotwaer. Jaargang 32 179

Vlad lilk. Hy fynt dat it hûs te ticht tsjin sines oan komt.’ ‘Mar it is dochs heit syn lân, omke Vlad kin it dochs net keare?’ ‘Nee, wis net, mar dy fertelt no oeral dat heit op syn lân bout. En dat hy der ôf moat. Vlad is sels begûn mei in skuorre te bouwen. Dy hat er sa delset dat wy aanst net by him op it hiem sjen kinne.’ Beppe Silvia sei doe't sy my seach: ‘Lit my dy ris besjen; bist noch wakker deselde.’ Dat fûn ik net moai, ik miende dochs werklik dat ik wat langer wurden wie. En dat dûns op myn wangen dan? Seach se dat net? Us heit seach my net, doe't er der yn kaam. Pakte in beker wetter en rûn wer nei bûten ta. ‘Sa giet it de hiele dei,’ sei Tache. ‘Seit neat. Rint der yn, rint der wer út.’ Us heit wie der ek net, doe't se de jûns om 'e tafel sieten. Hy sliepte al yn it nije hûs. Beppe Silvia wie de iennichste dy't it nei har sin hie. De oaren wienen suver mar wat tryst. Mem frege hoe't it yn Boekarest wie. Sy hie dêr noch nea west en rekkene dermei dat se der ek nea komme soe. By it ljocht fan de oaljelampen foel it my op, hoe suterich, hoe earm elkenien der út seach. De doar fleach iepen. Omke Vlad. ‘Wêr is Gheorghe? Him moat ik ha. Alles ha 'k neimetten. Syn hûs stiet op myn hiem.’ Silvia lake him út. ‘Ik kin wol fernimme dat jim soannen binnen fan deselde heit. Lit der mar ris ien nei sjen dy't der werklik ferstân fan hat.’ Vlad sei dat hy it allegearre neirekkene en neimetten hie. En it wie net oars, it nije hûs fan Gheorghe stie ien stien breed op syn hiem. ‘En dat moat der ôf.’ ‘Och. En hoe sit dat mei dy skuorre fan dy? Stiet dy net op de gerjochtichheid fan Gheorghe?’, frege beppe. ‘Hasto dêr alris mei oant rekkenjen west?’ Vlad gie der by sitten, krige in gleske tuica. ‘Nee,’ sei er kalm, ‘dy skuorre stiet in hiel ein fan de grins ôf.’ Hy naam in flinke slok. ‘Wêr is Gheorghe?’ Us mem lei Vlad út dat dy al sûnt in pear nachten yn it nije hûs sliepte. ‘Ik ha besocht him hjir te hâlden, mar do wist ek wol hoe't dyn broer is.’ Dat wist er. Dat wist elkenien. Vlad krige noch in tuica fan Silvia. ‘No, moarn moat ik der dochs mar ris mei him oer prate, want myn gerjochtichheid is myn gerjochtichheid.’

De oare moarns waard ik wekker fan getsier en gebalt. Doe't ik bûten kaam, seach ik wat der te rêden wie. Dêr stienen de beide mannen, Gheorge en Vlad, heit en omke, tsjin inoar oer op it plein. ‘Do hellest in stik fan dyn hûs of,’ raasde Vlad. ‘Om de donder net. It stiet op myn grûn.’ ‘Do bist der ien stien oerhinne. En oerhinne is der oerhinne!’ ‘Donderje op, kloatsek, mispunt, dat hûs bliuwt dêr't it stiet. Do hast dochs alles al fan heit krigen. Wolst noch mear ha? Is it dy yn dyn brike kop sket-

Trotwaer. Jaargang 32 180 ten?’ Vlad pakte in stik hout en kaam op syn broer ta. Ik stie oan 'e kant. Us mem rôp: ‘Hâld dochs op! Vlad, lis del! Gheorghe, kom yn 'e hûs, jimme moatte prate.’ Beppe Silvia wie ek it hûs útkommen en beseach de twa bazen. ‘Lit se inoar mar op 'e kop slaan. Se ha hurde koppen, hear. Dy kinne hiel wat ha.’ Der stie no in grutte rûnte om de mannen hinne. Vlad tilde it stik hout op en sloech. Hy miste syn broer mei in pear milimeter nei. ‘Asto net opdonderst brek ik dyn skuorre ôf,’ raasde ús heit. Hy pakte in bile. Ik rôp: ‘Net dwaan heit, net dwaan.’ In bile, in stik hout. It wie gjin partoer. Us heit tilde de bile op en stoarme op Vlad ta. Dy fleach oan 'e kant. Seach om him hinne, socht om wat betters. Der wie neat, allinne in allemachtich grutte hammer. ‘Grutte stomkop, wat fan my is, is fan my al rinst hjir noch tsien kear mei in bile om. Hufter, gean werom yn de kut fan dyn mem!’ Doe kaam it echt ferkeard. Us heit fleach mei de bile op de nije skuorre fan Vlad ta. Hy begûn op de doar om te huffen. ‘Mannen, hâldt him tsjin, dat is myn doar.’ Mar gjin minske ferweegde. Yn in heislik tempo feegde ús heit de doar derút. Doe begûn er met de sponningen. Alles gie derút. Vlad wist ynienen wat him te dwaan stie. Hy sprong by de ljedder fan ús heit syn hûs op en begûn mei de hammer op it dak om te ramen. It slaan fan de bile en de hammer, elkenien harke der nei. Ynienen seach ús heit om him hinne. Op it plein miste er Vlad. Der kaam er in stik fan it dak nei ûnderen. Us heit seach omheech, dêr siet Vlad boppe op syn hûs. Twa sekonden ferweegde er net. Doe sprong er mei in grutte gjalp op syn eigen hûs ta. Under it plak dêr't Vlad it dak ôfbruts sette er de bile yn de balken dy't it hûs oerein hâlden. Mei machtige grutte halen sloech ús heit dêr op yn. Elke kear as de bile omheech gie, seach ik hoe't de sinne blikkere op it glimmende stiel. Us heit wie as in duvel oan 'e gong. De doarpsminsken krigen it yn 'e smizen: ús heit woe it hûs ynstoarte litte, mei Vlad der by. Hoe't er dat dan sels oerlibje moast? Of soe him dat neat skele kinne? Fûler en fûler kamen de klappen. En ek Vlad wie yn in pear minuten in hiel ein. Hieltyd mar mear goaide hy fan it dak. ‘Is der dan net ien dy't se tsjinhâlde kin?’ jammere ús mem. Se gûlde mei lange úthalen. Ik wist net wat ik dwaan moast. Ik fielde my te lyts. Tache dan? Ik pakte him beet, mar Tache skodholle. Seach my net iens, hie allinne mar each foar ús heit en omke. Ek de oare mannen yn it doarp holden har koest. Se wiene bang foar dit geweld. It hûs begûn te kreakjen.

Trotwaer. Jaargang 32 181

‘Kom fan dat dak ôf!’ Dat wie muoike Aurelia, de frou van Vlad. ‘Aanst bist dea. Kom der ôf.’ Vlad hearde it net. It kreake noch lûder. Ynienen wie it dien. In ôfgriislike stofwolk kaam omheech. De helte fan it hûs wie ferdwûn. Mei de beide mannen. No kaam elkenien yn aksje. Se stoden op de púnfal ta om de beide bruorren der ûnder wei te heljen. Vlad waard it earst fûn. Hy wie bûten westen. Us heit wie net te finen. Hannen pakten oan, balken waarden oan 'e kant lein. Underwilens kaam Vlad al wer oerein. Hy wie wyt, sa wyt as in deade. ‘Hast dyn broer fermoarde!’ raasde ús mem. ‘Moardner, moardner!’ Der begûnen ek oaren ‘moardner, moardner’ te roppen. Mei it ynstoarten fan it hûs wiene se net bang mear foar dy grutte Vlad. Dy seach net om nei it plak dêr't syn broer earne lizze moast, rûn nei de muorre ta en sei: ‘Sa, no stiet Gheorghe syn hûs wer op syn eigen hiem.’ Hy draaide him om en gie op syn eigen hûs ta mei Aurelia efter him oan. Uteinlik fûnen se ús heit. Hy wie tusken twa grutte balken fallen. Se hellen him oerein, joegen him wetter. Us heit seach wat der fan syn hûs oer wie. Hy skode de minsken oan 'e kant en rûn der hinne. Hy stie deastil. Sei neat. Doe draaide hy him om en rûn stadich nei de midden fan it plein ta. Gie op 'e grûn lizzen en seach rjocht omheech. Dat wie alles. Gjin wurd, neat. Hy lei dêr. En de minsken fan Bulbacata stiene der omhinne en seagen op him del. Us mem gie neist him sitten. ‘Wat wolst Gheorghita? Wolst wat tuica? Wolst iten ha? Wolst wetter?’ Us heit andere net. Knipere net mei de eagen. Lei stil nei boppen ta te sjen, nei de blauwe loft. Muoike Aurelia kaam om te sizzen, dat it har sa spiet. It holp neat. Hy ferweegde net. ‘Wat wolst, wat wolst?’ Us mem krige hast in senuwynstoarting. Heit syn lippen beweegden eefkes. Ik bûgde my oer him hinne. Earst kaam der gjin lûd, mar doe sei er súntsjes: ‘Ik kin net mear.’

‘Dat wiene de lêste wurden dy't ik fan him heard ha,’ sei Mincu tsjin syn nicht. ‘It hat trije dagen duorre. Trije dagen en trije nachten kaam er net fan it plak. Kinst dy wol foarstelle, hoe't it der doe mei him foarstie. It wie freeslik om in minske sa lizzen te sjen. Us eigen heit yn syn eigen smoargens. It is no 78 jier ferlyn.’ ‘De sinne baarnde, der kamen hieltyd mear miggen om him hinne. It gûnze der oer, se sieten oeral op him. Wy besochten se fan him ôf te slaan, hy liet it gewurde. It waarden der hieltyd mear. Mei in pear oaren bleaune wy dei en nacht by him. Om de miggen fan him ôf te slaan en ek de hûnen. Wetter woe er noch wolris drinke. Ite, nee.’ ‘Mei beppe Silvia ha wy doe besletten om der in dokter by te heljen. Muoike Aurelia sei dat sy it betelje soe, mar dat mochten we net tsjin Vlad sizze. Dy

Trotwaer. Jaargang 32 182 tongersdeis, yn 'e middei, kaam de dokter. Ik hie fansels al lang wer by omke Costel werom wêze moatten, mar ik koe dochs myn heit sa net gewurde litte? De dokter besocht fan alles, mar ús heit draaide net iens mei syn eagen. Nei't er ús heit hielendal besjoen hie, stapte de dokter wer yn 'e auto. In pear oere letter kaam der in grutte frachtauto. Sa'n hiene wy yn Bulbacata noch net faak sjoen. Der kamen mannen yn unifoarm út. Se leinen ús heit op in brankaar en tilden him yn 'e auto. En dat is it lêste wat ik fan him sjoen ha.’ ‘Wannear is pake Gheorghe stoarn?’ De fraach kaam de nicht mar kwalik út 'e mûle. Foar har hie de man einliks nea bestien. Har heit, de lytse Ion, wie noch mar seis, doe't it drama barde. Hoe faak wie der net tsjin him sein: ‘Bist like gek as jim heit.’ En no neamde se dy gek, dy't samar weiwurden wie, har pake. ‘It moat yn 1925 west ha dat er stoarn is. Mar in echte begraffenis hat der net west. Us mem, myn bruorren, wy wiene der net by. Wy wisten it net. Nei't se him al begroeven hiene, krigen wy in bryfke dat er stoarn wie. Ien rigel. Mear net.’ ‘Wêr wie dat dan?’ frege de nicht hoeden. Mincu tocht nei. ‘Dat wie yn Craiova, dêr wie in gekkehûs, dêr is hy stoarn.’

Twa dagen letter wie de nicht yn Craiova. Se woe no alles witte. De administraasje fan de ynrjochting Azilul de Nebuni Sfintul Gheorghe wie der noch. Op har fraach nei Gheorghe Stoica kaam der in ‘dosir’ foar 't ljocht. Se mocht it meinimme nei in keammerke om it te lêzen. Yn 'e map leinen mar twa briefkes. It iene wie in notysje fan de direkteur fan 19 maart 1925. Hy skreau: ‘Stoica Gheorge hat seis jier yn Sf. Gheorghe trochbrocht. Yn seis jier hat er gjin wurd sprutsen. De dokters dy't him behannelen seagen gjin ferbettering. Sy achten him net langer gefaarlik en hy krige wat mear frijheden. Der waard oer tocht om him nei hûs weromgean te litten. Dat is him ferteld. Stoica Gheorghe hat syn bytsje frijheid brûkt om stikem oan in bile te kommen. Doe't oppasser Roman Viktor him yn 'e tún fûn, wie er omtrint dea. Hy hie syn iene hân der ôf hakke en is deabled. Stoica Gheorghe is op 19 maart 1925 op it tsjerkhôf fan de ynrjuchting Sfintul Gheorghe begroeven.’

De oare notysje yn it dossier wie in kopy fan de brief oan de famylje: Achte Doamna Stoica, De pasjint Gheorghe Stoica, earder fan Bulbacata, distrikt Craiova, is yn 'e nacht fan 16 maart 1925 yn syn sliep stoarn. Oarsaak: in swak hert.

Trotwaer. Jaargang 32 183

Altyd wat! Tr. Riemersma

Wittenskip en ideology

Tony Feitsma stjoerde my in fotokopy fan in artikel fan Pieter Breuker, dat ferskynd is yn Taaltrots, Purisme in een veertigtal talen, ûnder redaksje fan Nicoline van der Sijs (Amsterdam/Antwerpen, 1999). Breuker skriuwt ûnder mear (s. 86):

‘Het verzet tegen de interferenties en tegen de positie van het Nederlands überhaupt is sterk. Valt een dergelijke, ideologisch gemotiveerde houding van taalzuiveraars te verwachten, men zou van frisisten een analyserender en afstandelijker houding mogen verwachten. Toch weet niet iedere frisist wetenschap en ideologie te scheiden. Zo kent de taalkundige en ex-hoogleraar Fries Tony Feitsma het in haar ogen abstracte, van zijn dialecten vervreemde Nederlands de kwalificaties “moloch” en “onmenselijk” toe. Al even bont maakt de letterkundige Trinus Riemersma het, die het Nederlands onder meer typeert als van een van alle levenskracht berooide “ziekenhuispatiënt”. Psychologen zullen dergelijke kwalificaties misschien in verband brengen met onmacht, woede, vernedering, minderwaardigheidsgevoelens of juist hoogmoed. Zonder daar een uitspraak over te willen doen, constateer ik wel dat ze weinig met de werkelijkheid te maken hebben. Men kan zelfs stellen dat de moderne, goed opgeleide en ontwikkelde Friestalige niet alleen het Fries, maar ook het Nederlands als moedertaal heeft, althans het als zodanig beheerst.’

Tony en ik ryp foar de psychiater - Breuker hat grif it smoar op ús yn, dat er him sa gean lit. En earlik: dêr ha wy it ek wol nei makke. Breuker sitearret net, mar parafrasearret; boppedat jout er net oan wêr't de troch him ferspijde opmerkingen stien ha. Ik tink foar 't neist dat ik yn in artikel of kollum ferwiisd ha nei in sosjolingwist - ik wit noait mear wa en yn hokker boek - dy't skreau dat dialekten dy't har net frij ûntjaan kinne mei't se oerhearske en oantaast wurde fan in machtiger taal, mar ek standerttalen dy't troch skoalmasters en taallearden fan har rykdom oan foarmen berôve en yn 't kesjet reaun binne, eigentlik ‘patologyske’ talen binne. Dat fûn ik destiids in nijsgjirrich idee, benammen ek om't neffens dy auteur de chomskyanen har dus nèt dwaande hâlde mei ‘natuerlike’ taal, sa't se oars al pretindearje. Doelt Breuker dêr op, of op wat oars? As er in diskusje oangean woe, hie er my korrekt sitearje moatten. Mar Breuker wol dúdlikerwize gjin diskusje, hy ferklearret ien leaver foar gek. No goed, dan mar gek. Ik bin teminsten net dom, lykas Breuker. Wat is dat foar ezelachtichheid om wittenskip en ideology ta inoar yn opposysje te setten? Der is helendal gjin opposysje. Op alle terreinen fan ûndersyk dêr't it eigenbelang meispilet, is dat ûndersyk èk ideologysk motivearre. De ûnderskieding taal-dialekt is gjin wittenskiplike ûnderskieding, mar in ideologysken. Dy ûnderskieding is útfûn en wurdt brûkt om de eigen befoarrjochte posysje de skyn fan rjochtfeardichheid te jaan. De ûnderskieding ‘minderheidstaal’, dêr't ik my yn de fuotleasten fan Tony

Trotwaer. Jaargang 32 Feitsma nochal ris sterk foar meitsje, is lyksa in ideologysk motivearre kategory. It Frysk is gjin folsleine kultuertaal, mar in dialekt wolle wy it net neame, dus fine wy in tuskenoplossing. De fout leit net by de wittenskipper dy't folslein partij is, mar by de wittenskipper dy't syn eigen partidigens ûntkent.

Trotwaer. Jaargang 32 184

Jacobus Knol: ‘Elie Wiesel kin it slimste sûnder drama op papier sette.’ Jitske Kingma

It begûn foar Jacobus Knol mei De nacht fan Elie Wiesel. Doe hie de fassinaasje foar dizze joadske skriuwer en sjoernalist dy't Auschwitz oerlibbe en de Nobelpriis foar de Frede krige, him yn 'e besnijing. Knol hat yntusken hiel wat fan Wiesel lêzen, sa'n fjirtich boeken en ferskate artikels. Hy naam it op him om de mânske autobiografy fan Wiesel, Tous les fleuves vont à la mer yn 't Frysk oer te setten. In bealich fol wurk en dêr hat noch net in Nederlânske útjouwer him oan weage. Yn febrewaarje kaam it twadde part fan Alle rivieren rinne nei see út by de KFFB. Takomme jier folget diel 3 en yn 2002 diel 4. In petear mei in belêzen en besiele man dy't mear as ienris nei boppen draaft om mei in bysûnder wurkje út syn Wiesel-kolleksje syn wurden te ûnderstreekjen.

Knol: ‘Ik kaam De nacht tsjin yn Ingelske oersetting. Ik fûn it fuort sa ferskriklik boeiend. Ik hie noch nea wat fan Wiesel lêzen. Ik haw dat boek doe yn 'e simmer fan 1984 foar mysels oerset en ik haw der tsien boekjes fan makke, dy't ik sels fermannichfâldige, ynnaaide en bûn. Ien is nei de PB gien, ien nei it FLMD, in pear nei freonen.’ En hy hat der sels ek noch ien hâlden, mei soarch en leafde ynbûn yn hout en lear. It boekje is fineard mei sederhout út in sigarekistje, it sederfinear dat altyd op 'e sigaren leit en dêr't in echte sigaresmoker de sigaar mei oanstekt. Hy hat in tin stikje lear op 'e rêch plakt en der mei goudkarbon De nacht yn drukt. Knol: ‘Ik fûn it sa'n moai boek dat ik it ek moai bine woe. Dat is ek de reden wêrom't ik net yn opdracht oersette wol. Ik wol allinne eat dwaan, dêr't ik efter stean kin.’ Yn 1995, doe't de KFFB foar't earst mei oersettingen begûn en der even gjin oar boek wie om't alle manuskripten ôfkard wiene, hat Knol it oan it bestjoer, dêr't er sels ek yn siet, foarlein. De nacht is doe by de KFFB útkommen. De reaksjes en besprekken wiene hiel posityf. It kaam hiel goed út, want it wie dat jier krekt fyftich jier nei de Befrijing. Der binne in lytse fiiftûzen fan makke en dy binne no op. Sa'n 4500 binne nei de leden gien. Mar hoe siet dat mei dy ôfkarde manuskripten? Knol: ‘Oant dan ta hie de KFFB as belied, dat der hânskriften ynlevere waarden en dat de karkommisje dêr trije fan keas dy't printe waarden. Mar om 1995 hinne ha wy dat feroare. Fan doe ôf hoegde der net perfoarst mear in boek út de ynstjoeringen te kommen, mar koene wy sels ek om boeken sykje en fregen wy

Trotwaer. Jaargang 32 185

Jacobus Knol (foto S. van Ek) wolris minsken om in boek foar ús te skriuwen. Wy woene de kwaliteit wat omheech ha en dat is hiel bêst slagge, as ik sjoch wat de ôfrûne jierren ferskynd is.’ Nei De nacht gong Knol fierder mei Wiesel. Hy lies syn artikels, essees en oare romans. Koartlyn hat er fia ynternetboekhannel Amazon de sammele artikels út ferskillende tydskriften kocht, mear as tûzen siden. En yn Grins seach er in pear jier ferlyn de mânske autobiografy Tous les fleuves vont à la mer lizzen. Knol: ‘Ik haw him earst lizze litten. It like my wat te dreech om yn 't Frysk oer te setten. Ik frege my ôf oft der wol belangstelling foar wêze soe. Mar ik haw it dochs yn it bestjoer brocht. De bestjoersleden wiene fuort hiel posityf. En dan begjint it hiele sirkus te draaien.’ Benammen it besetten fan de rjochten wie in hiel trelit. Knol: ‘Wy ha nei de útjouwer yn Parys skreaun en nei in literêr agint yn New York, mar it duorre mar en duorre mar. Uteinlik haw ik in briefke oan Elie Wiesel sels

Trotwaer. Jaargang 32 186 skreaun en doe krige ik gau antwurd. Hy fûn it prachtich dat it yn 't Frysk útjûn waard. It orizjineel is yn 1994 yn 't Frânsk ferskynd en doe't wy om de rjochten fregen, wie diel I yn 't Ingelsk útkommen, mar fierder noch neat. Yntusken is it ek yn it Dútsk ferskynd.’ Jacobus Knol hat ek in tal eksimplaren fan Alle rivieren nei Wiesel sels stjoerd. Dat er it krigen hat is him û.o. dúdlik wurden út in ferhaaltsje dat er koartlyn fan ynternet plukt hat. Yn 'e e-mailkrante Nijs út Fryslân beskriuwt in Arend de Haan út Florida, dat er alle dagen les krige fan Elie Wiesel. Op in dei kaam te praat yn hoefolle talen Wiesels wurk oerset wie. Wiesel sei, dat syn boek krekt yn in taal útbrocht wie, dêr't er sels noch nea fan heard hie: Frisian. De Haan, dy't fan Grou komt, koe dat hast net leauwe en sei dat dat syn taal wie. Fuort moast er fan Wiesel, dy't dat prachtich fûn, yn 't Frysk sizze, dat it moai waar wie. Wat fynt Knol no krekt sa nijsgjirrich oan Wiesel? ‘De wize wêrop't hy reagearret op wat hy “de nacht” neamt, Auschwitz. Hy fynt dat hy as oerlibjende de taak hat te fertellen wat dêr bard is om foar te kommen dat it ea wer bart. En hy protestearret tsjin alles wat ek mar in bytsje op in herhelling fan dy tiid liket. It earste diel fan Alle rivieren is suver gronologysk en it twadde tematysk. Yn dat twadde diel stiet bygelyks in haadstik oer de Golfoarloch en oer it eardere Joegoslavië en de skriklike dingen dy't dêr bard binne. De romans fan Wiesel fine allegearre har oarsprong yn de Holocaust. De nacht is in direkt, persoanlik ferslach. Yn elke folgjende roman wurket er in tema út De nacht fierder út: de haat, de freonskip, selsmoard, gek wurde, politike aksje ensfh. Al dy romans draaie as konsintryske sirkels om dat earste boek hinne. By Wiesel moat men dêrom mei De nacht begjinne en dêrnei yn gronologyske folchoarder de oare romans lêze. Ik lies syn boeken earst rûchwei, sa't ik se tsjinkaam, mar doe't ik fanút De nacht begûn, seach ik der in lijn yn. En dan falt it my op, hoe't Wiesel it slimste watst dy mar yntinke kinst sûnder drama op papier sette kin. Benammen syn styl bliuwt je by. Hy hat ûnferjitlike sênes skreaun, bygelyks oer syn heit en hy, dy't tegearre troch de snie nei Bergen-Belsen strompelje en inoar oerein hâlde. Hy fertelt syn ferhaal op rêstige wize, yn simpele wurden, want hy seit sels, dat der gjin wurden binne dy't útdrukke wat net sein wurde kin en dus moatte je eins mar sa min mooglik wurden brûke of stil wêze. Mar men moat it dochs sizze en dêrfoar brûkt Wiesel in ienfâldige, hast kâlde styl. It meast oansprekkende yn it wurk fan Wiesel is de kombinaasje fan styl en boadskip, fan ynhâld en foarm. Dêrby is er ûntwapenjend yn syn earlikheid en hat er de gek mei himsels, benammen as er it der oer hat, hoe ûnhandich er mei froulju omslacht.’ Njonken De nacht fynt Knol Wiesels Testament van een vermoorde Joodse dichter ien fan syn bêste boeken. Knol: ‘Wiesel wie ien fan de earsten dy't ûntduts, dat de joaden yn Ruslân yn 't ferdomhoekje sieten. Yn dizze roman is hy hiel knap yn 'e hûd krûpt fan in joad dy't yn Ruslân wenne.’ Boppedat hat Knol gâns wurdearring foar Wiesel syn fertelkeunst: ‘Wiesel hat in grandioaze styl. Dat hat te krijen mei syn chassidyske famylje dy't in tradysje fan it fertellen fan ferhalen hat. Hy hat as jonkje in protte ferhalen heard en boppedat hat er in hiel goed ûnthâld.’

Trotwaer. Jaargang 32 Wiesel fynt de earste sin fan in boek hiel belangryk. Dy moat goed wêze. ‘As dat sa is, komt de rest fansels wol.’ De earste sin fan De Nacht is: ‘Se neamden him Mosje-de-Koster, as hie er nea net in achternamme hân.’ Knol set it wurk fan Wiesel net allinne oer,

Trotwaer. Jaargang 32 187 troch syn ferklearjende noaten pleatst er it gehiel ek yn in kontekst. Knol: ‘Ik bin sels ridlik belêzen yn joadske dingen. Dat is net elkenien. As ik tink dat der eat stiet dat in lêzer net fuort begrypt, ferklearje ik it. As Wiesel dingen yn de tekst sels net ferklearret, dan set ik der in noat by. As hy in bibeltekst oanhellet, dan sykje ik de tekst even op en set der by wêr't it stiet. Ek haw ik by ferwizingen nei titels fan syn boeken de Nederlânske titels der by set. As men in lêzer helpe kin troch sa'n boek tagonkliker te meitsjen moat men dat net litte fyn ik. Men moat op 't lêst ek oan jins klanten tinke, de boeken moatte al fuort.’ Fan it earste diel binne tûzen eksimplaren printe. Dêrfan binne no sa'n fjouwerhûndert fuort. Fan it twadde diel is de oplage ek tûzen. Knol giet hiel yngeand te wurk by it oersetten. ‘Ik moat fansels earst goed yn it betooch fan in skriuwer sitte. En ik haw tachtich-njoggentich persint fan Wiesel syn wurk lêzen. Ik wrakselje der gauris in skoft mei, hoe't sa'n man soks no yn 't Frysk sein hawwe soe. En as men yn 't Frysk opskriuwt, moat men der goed om tinke, dat der gjin Frânsk mear troch it Frysk skimeret, Ik haw ris fan immen in hiel aardich komplimint krigen. Dy sei, dat it krekt is as hat Elie Wiesel it yn 't Frysk skreaun. Sjoch, sa moat it wêze.’ Knol kiest by syn oersettings foar geef Frysk. Sa lit er sels de skriuwer François Mauriac yn syn ‘bûsboekje’ sjen. Is dat net wat oerdreaun? Knol: ‘Nee. Ik besykje om net ta te jaan oan dat sleauwe Frysk datst faak om dy hinne hearst. Ik besykje geef Frysk te brûken sûnder âldfrinzich te wêzen. Soms moat ik wolris in bepaalde útdrukking brûke om eat te sizzen en as dat dan net in gongbere siswize is, dan is dat spitich, mar ik brûk him wol.’

Oersetten like kreatyf as sels skriuwen

Jacobus Knol stekt syn tiid en enerzjy allinne yn boeken dêr't er efter stiet: ‘Dat haw ik my foarnommen doe't ik tsien jier lyn mei de “vut” gong. Ik wie doe noch net sa âld, 54, mar ik hie al goed tritich jier foar de klasse stien. Der wiene allegear fúzjes en der moasten minsken út. Ik haw doe sein, lit my mar gean.’ Knol, graach Jacobus neamd en net mear J. Knol, om betizing mei syn omkesizzer Jelma foar te kommen, begûn syn ûnderwizerskarrière op Nieuw-Guinea, dêr't er fan 1958-1962 yn it sindingsûnderwiis siet. Doe stie er twa jier yn Beverwyk oan skoalle om dêrnei yn Snits oan 'e mulo skiednis en Nederlânsk te jaan. Ienkear fusearre ta Bogerman Kolleezje, waard de skoalle him fierstente grut en gong er as learaar Nederlânsk nei de Pedagogyske Akademy yn Dokkum. Dêr hat er ek noed stien foar it Frysk, dat as fak ferdwine moatte soe, en dat er as eineksamenfak hafû joech, earst noch bûten it roaster om. Yn dy tiid begûn er foar de aardichheid mei it oersetten. Sa seach syn frijmoedige ferfrysking fan Piet Paaltjens it ljocht: Snokkerjende grymgnyskes. It boek is yn in oplage fan trijehûndert eksimplaren yn eigen behear útjûn ta gelegenheid fan de hûndertste stjerdei fan François Haverschmidt yn 1994. Knol hat it sels set. It binen hat er diskear útbestege. Syn eigen literêre karriêre is Jacobus Knol begûn mei In libben as Styntsje, it libbensferhaal fan syn oerbeppe. Hy liet it foarkomme as hie Styntsje Piters it sels skreaun.

Trotwaer. Jaargang 32 Knol: ‘Alles kloppe. Alle feiten, de data en de nammen wiene autintyk.’ It is wol útkommen, dat hy it skreaun hie. Jelle Krol hat oan 'e ein fan syn besprek yn 'e Ljouwerter Krante sein dat er tocht dat de man dy't it skreaun hat

Trotwaer. Jaargang 32 188 deselde is as dejinge dy't Piet Paaltjens ferfryske. Yn 1996 kaam fan Knol it histoaryske ferhaal In earsten dragonder út, in jier letter folge troch de roman In opwinend fraachteken. Knol, gnyskjend: ‘Neffens Babs Gezelle Meerburg wie dat net sa opwinend. Der siet gjin seks yn.’ Yn 1998 kaam Tusken Boedapest en Burgerheide út, oer in Hongaarske flechtlinge. Dêrnei begûn de Wieselrige. Knol fynt oersetten like kreatyf en boeiend as sels skriuwen. Dat wol lykwols net sizze dat der net wer in roman fan him útkomt: ‘Ik haw allang in ferhaal yn 'e holle.’

Gjin kwea wurd oer de KFFB

De Kristlik Fryske Folksbibleteek wol mei sokke boeken as fan Wiesel trochgean op it ynsleine paad fan de ferdjipping. ‘Njonken de abonneeboeken besykje wy hieltyd mei oare dingen te kommen. Wat ik echt in boppeslach fûn wie it ferline jier útkommen In eigen teology? [oer taal en teology yn Frysk, Saksysk en Afrikaansk perspektyf]. Wat ek bysûnder is, is it útbringen fan de Fjouwer Evangeeljes, in oersetting dy't it midden hâldt tusken de âlde Wumkes-bibel fan 1943 en de Frysk bibeloersetting fan 1978. De earste printinge fan 1500 eksimplaren wiene wy binnen 't healjier kwyt.’ Frege nei it plak fan de KFFB yn it gehiel fan de Fryske lêskultuer seit Knol: ‘Yn it ferline waard der wol op de KFFB ôfjûn. Wat de kwaliteit oanbelanget wie dat ek net altyd sûnder reden. Mar de KFFB hat wol tûzenen minsken it lêzen leard, foaral yn de jierren dat der noch tsientûzen leden wiene. Dan wurde der wol yn ien klap tsientûzen boeken ûnder de minsken brocht. Trochdat wy no kwalitatyf bettere boeken útbringe as in tal jierren ferlyn, wurdt der yn guon rûnten mei mear wurdearring oer ús praat. Ik wol gjin kwea wurd oer de KFFB hearre, allinne al fanwege dy taalbefoarderjende wurking. En yn dat ferbân wol ik dit ek noch even kwyt: wêrom steane wy nea yn de Boeke Top 5 fan It Fryske boek? Trije kear yn 't jier, yn febrewaris, maaie en septimber bringe wy ús ledeboeken út. Dan binne der yn ien kear sa'n fjouwertûzen fuort. Wy soene dan yn de Boeke Top 5 stean moatte. Mar dat bart nea, want se basearje dy top op de ferkeapsifers fan 'e boeken yn 'e winkels. Dat is net terjochte. Wy moatte dêryn. Trije kear yn 't jier.’

Trotwaer. Jaargang 32 189

Fardau, in fjirde-ieus famke? Meinou Piebenga

Akky van der Veer, Kunera. Boekewikegeskink 2000. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2000. 80 siden.

Kuneara, it boekewikegeskink 2000, skrean troch Akky van der Veer, is basearre op de leginde fan Cunera, de hillige dy't fereare wurdt as de faam fan Rhenen. Se soe berne wêze yn York en gong nei Rome om te bidden foar fersprieding fan it geloof. Op de weromreis waarden sy en har alvetûzen reisgenoaten oerfallen troch de Hûnnen. Cunera waard reden troch Radboud van Rhenen, in heiden, mar aardich. Sy mocht yn syn kastiel wenje en waard syn fertrouwelinge. Radbouds frou, Alunda, waard oergeunstich en wurge Cunera mei har sjaal yn 454. Har grêf waard it doel fan pilgrimtochten. Troch it wurchdoek oan te reitsjen soenen blinen wer sjen kinne. Dy ynformaasje helle ik út Van Aller Heiligen tot Sint Juttemis fan Inez van Eijk. Op de webside fan útjouwerij Bornmeer (home.wxs.nl/~bornmeer) lês ik dat de rêdende kening, dy't yn it boek de namme Heimo hat, yndie yn guon teksten Rabbodus of Radboud neamd wurdt en yn ferbân brocht mei de (of in) Fryske kening Redbad. It ûnfoarstelber grutte oantal fammen wie dêr ek sinjalearre, mar waard as in fersin sjoen. It Romeinske getal xi soe ferkeard lêzen wêze, of de namme fan ien fan de fammen ferkeard begrepen: Undecimilla (de lytse alfde). Undecim milia is alvetûzen. Dat yn Kuneara wurdt praat fan alve meireizigers. Oare ferskillen tusken boarnen en it boek (dat de Hûnnen de oerfallers wêze soenen bygelyks) wurde ek hiel oannimlik ferklearre.

Dat Van der Veer har yngeand ynformearre hat, blykt nammers net allinnich út dy side op it ynternet. Op de binnenflappen fan it omkaft binne ta de saak dwaande teksten ôfprinte oer histoaryske gegevens fan likernôch 270 oant 340 nei Kristus. Dat men soe tinke dat men jin al lêzende, yn de fjirde ieu waant. En dat is no krekt net sa. It boek ademet in eigentiidske sfear út. Neffens my komt dat om't it boek eins net oer Kuneara giet. Har stoarje wurdt út de doeken dien troch Fardau (bynamme Pyk), dy't as folwoeksene weromsjocht op it traumatyske barren yn har jeugd. (It motto fan it boek is ‘memini ergo sum’: ik haw oantinkens, dus ik bestean.) Sy nimt ús mei nei de simmer fan Kuneara. Fardau is de dochter fan de hofdame fan Heimo's frouwe Wivina. De mem-dochterrelaasje wurdt fersteurd troch Wivina, dy't alle oandacht fan har help-foar-dei-en-nacht opeasket. Fardau begrypt net dat har mem dat oer har kant gean lit. Mar de mem hat ûnthjitten altyd foar de frouwe klear te stean, oars hie se Fardau drekt nei de berte nei it moeras bringe moatten. Fardau krijt dat earst te hearren as se al trettjin jier is. Fan Reade Hild - neffens de minsken in tsjoenster -, dy't alle sykten fan de frouwe behannelet. Oer har seit Fardau: ‘Se wie net âld en net jong en se prate tsjin my as tsjin in folwoeksene, se neamde my noait Pyk.’ (s. 12) It is Fardau dy't geandewei it ferhaal in ûntjouwing trochmakket. Sy moat ynsjen dat se blyn west hat yn har leafde foar hynstejonge Jesse, dat de ferhûddûke, seurderige Wivina

Trotwaer. Jaargang 32 190 net samar sa wurden is, dat se faaks de dochter fan in ferkrachter is en dat har mem net oars koe as de frouwe te tsjinjen. Fan Kuneara komme we allinnich mar wat te witten troch de petearen dy't se mei Fardau hâldt. It bliuwt in riedseleftich personaazje. Hoe is har relaasje mei hear Heimo no krekt? Wêrom mei Kuneara de geskinken út de skatkiste ompartsje en de frouwe -lykas wenst - net? Sliept er mei har? Mei se dêrom ek de earmen iten en klean bringe? Of is er al ûnder de ban fan it kristendom? Dat kristendom wurdt troch Kuneara mei arrogânsje ferkundige: ‘Wodan en Donar bêsteane net. En Freyer ek net. Der is mar ien god, de kristlike god: god de heit, god de soan en god de hillige geast.’ (s. 25) Men soe har as net aardige heiden dêrom fermoardzje, mar sa is it net, se is wurge út oergeunst. Troch Wivina en Fardau har mem. De lêste is dêrnei neffens it neiskrift libben ferbaarnd en de frouwe is yn dwylsin ferûngelokke. Dy leginde is wat my oanbelanget útgongspunt en gjin haadtema. Mar dat hâldt net in oare krityk yn as dat de titel faaks wat misliedend is. Fardau út de fjirde ieu is de haadpersoan. Fardau dy't tinkt en fielt as in puber fan hjoed de dei. Sei de skriuwster by de presintaasje fan it geskink net foar de tillevyzje dat froulju yn santjinhûndert jier net safolle feroare binne? En dat is krekt de fraach dy't my hieltyd bekroep ûnder it lêzen. Kin Fardau tinke dat Kuneara tefolle in toanbyldfan kristlikens (s. 56) is? Kin Kuneara sizze dat alle mannen út binne op macht en geweld? (s. 25) Kin Fardau har mem beskuldigje fan ûnderdienigens? Is it sa dat se yn dy tiid echt koarren fan de pis fan de keninginne? Fansels kin nimmen dêr antwurd op jaan, mar it komt op my wat al te tweintichste-ieus oer. Fan Fardau hâlde jo fan it earste momint ôf. Se is dapper, gefoelich en yntelligint. Se is sa't Van der Veer famkes fan dy leeftyd beskriuwt. Se is Femke út Swart op wyt, it masterwurkje fan de skriuwster. Dy hat ek geheimen oer har kom-ôf dy't yn de rin fan it ferhaal oplost wurde. Dy hat Beppestyn lykas Fardau Reade Hild hat. Froulju dy't hoeden en wiis mei har beskermelinkjes omgeane, sadat dy dochs noch lykwichtige persoanlikheden wurde kinne. Dêrmei wol ik net sizze dat de skriuwster harsels werhelle hat. Mar wol dat se hiel sterk is yn dy tematyk en dat de leginde mar franje is.

Trotwaer. Jaargang 32 191

Tryater: no en dan in oare regisseurskop? Piter Terpstra

It liket der hast op dat Jos Thie en Andy Daal de rezjy fan de stikken dy't it toanielselskip Tryater spilet ûnderling ferdiele. Jos Thie makket hieltyd mear namme mei breed opsette prodûksjes - Peer Gynt, dat op it Oerol Festival op Skylge spile waard, stiet dejingen dy't it slagge in opfiering by te wenjen noch hieltyd goed by. Thie naam lykwols ek it lytsskalige De Rafaëls fan Flip Vanluchene foar syn rekken. Wylst hat Andy Daal mei Iensum yn Ierlân de Ierlântrilogy fan Martin McDonagh ôfrûne. Foar it seizoen 2000/2001 hawwe Thie en Daal alle rezjy's ek wer op har nommen. De kar fan de stikken is wer ferrassend. De alsidige Bouke Oldenhof hat in oersetting makke fan Medea, yn de fjirde ieu foar Kristus skreaun troch Euripides, ien fan de grutste fertsjintwurdigers fan de Grykske trageedzje. It is in stik mei in hiel boeiende yntriizje, mar miskien hie Elektra foar Andy Daal in noch nijsgjirriger útdaging west. Thie hat dizze kear in hielendal ferboude FIB-seal yn de Harmonie nedich foar Ronja de rôversdochter fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren. It is in echt famyljestik, dat om Kryst en de jierwiksel hinne allinne op dizze lokaas je spile wurde sil. Ek De gebedsgenêzer fan Brian Friel komt foar rekken fan Thie. It iennige stik dêr't ien fan de beide fêste regisseurs nèt by betrutsen is, wurdt fan 't simmer al spile. Rob van Meeberg, hjir ûnder oaren noch bekend fan syn rol yn de musical Mata Hari, beset de regisseurstoel by Roorda, in stik fan Bouke Oldenhof oer de ferneamde kommunistyske politikus Gerrit Roorda, dy't op de Tynje wenne hat mar ek syn fuotstappen yn Amearika en Ruslân achterliet. Mei Jos Thie hâldt it mar net op. Yn it ramt fan it Frysk Festival wurdt fan 29 juny oant en mei 12 july ûnder syn rezjy Orfeo Aqua útfierd, ‘muziektheater op het water bij zonsopgang’. Dat ‘bij zonsopgang’ is suvere wierheid; it begjint moarns om fjouwer oere en it publyk sil dan mei spesjale treinen earne yn it wetterlân teplak brocht wêze. Tryater is hjir mei wat helpferliening mar sydlings by belutsen. Mar likegoed, der wurdt op Andy Daal en benammen op Jos Thie (dy't bytiden ek noch bûten de provinsje aktyf is) faak beslach lein en de spilers fan Tryater komme tsjintwurdich amper mei oare regisseurs en rezjy-opfettingen yn oanrekking. De fraach oft dit geunstich of ûngeunstich is, benammen foar in artistyk lieder, dy't noch oare taken hat as dy fan regisseur,

(út: Seizoenbrosjuere Tryater)

Trotwaer. Jaargang 32 192 tsjinnet him oan. Ien ding mei daalk fêststeld wurde: de kar, de kwaliteit en de fariaasje fan it repertoire hawwe der by Tryater oant no ta net ûnder te lijen. It tanimmend tal opfieringen en besikers en de wurdearring fan it foar in grut part jonge publyk (oer taalbefoardering sprutsen!) wize de goede kant út. Yn de resinsjes yn de lanlike blêden komt Tryater der bêst foarwei. Wylst de Fryske literatuer net it peil berikt fan de Nederlânske en yn de deiblêden hast net achtslein wurdt, komt it foar dat Tryater as foarbyld neamd wurdt foar guon Hollânsktalige beropstoanielselskippen. Dy wurdearring foar de beide reisprodûksjes fan it ferrûne seizoen is terjochte. De Rafaëls, dat ûnder de Dútske besetting om de útfiering fan de Panis Angelicus op Maria Himelfeart hinne spilet, is in sfearfol stik, dêr't it ferrin fan in waarme simmerjûn mei tsjinstellingen, konflikten en geheimsinnichheden prachtich yn werjûn wurdt. It is my allinne in riedsel wêrom't Bouke Oldenhof dit stik dat ek wat de karakters oanbelanget sa dúdlik yn Flaanderen spilet, ferpleatst nei de enklave Blauhús yn de Fryske Greidhoeke. Klaasje Postma, Aly Bruinsma en Marijke Geertsma spylje de trije sterk útelkoar rinnende frouljusrollen hiel oertsjûgjend. Al lang bekende spilers komt men ek tsjin yn Iensum yn Ierlân. Freark Smink is nei in koarte karriêre yn Hollân, dy't him gjin foldwaning jûn hat, by Tryater weromkommen en de manier dêr't er mei Joop Wittermans de fijannige bruorren Coleman en Valene Connor op útbyldet, makket dat wy dêr wiis mei wêze kinne. De rûtinearre Thijs Feenstra karakterisearret pater Welsh hiel oannimlik; allinne dy iene lange monolooch is even in brek yn dit hilaryske stik. In slagge seizoen dus. Dochs bliuwt de fraach fan niis hingjen. Der hat, noch net iens sa lang lyn, in tiid west dat Tryater mear spilers yn fêste tsjinst hie as fierwei de measte Nederlânsktalige beropsselskippen. Der waard sels wolris ûnfreonlik sein: ‘Men sjocht altyd deselde koppen.’ Sa is de situaasje no gelokkich net mear. Moatte wy dizze ûnderfining fan tapassing bringe op it feit dat by Tryater de lêste tiid twa regisseurs it hiele repertoire fan in seizoen op harren skouders nimme? Is wat fernijing ek net fan belang foar de spilers? Jos Thie en Andy Daal soe ik net graach misse wolle, likemin as destiids ien fan de fêste spilersploech. Mar men moat letter net ta de ûntdekking komme dat, ek wat de rezjy oanbelanget, no en dan in oare ‘kop’ wol goed west hie.

Trotwaer. Jaargang 32 193

Bysûndere mis út Snits Oene W. Nijdam

Sûnder Mis /Lieten fan leafde, Snitser Kantorij û.l.f. Bob Pruiksma. HECRO 000204. f 29,95 (CD mei tekst- en fotoboekje)

Mei de Pruiksma's is it yn 'e muzyk altyd oppassen. Probleem is dat der twa fan binne: Bob en Hoite - gjin bruorren yn elts gefal, dat it sille wol neven wêze. Hoe dan ek, it is better de beide koardiriginten net trochinoar te heljen. Dêr hâlde de beide mannen net fan; dat komt je grif op in telefoantsje te stean. Dit kear is Bob it mulpunt en dat kom troch de CD Sûnder Mis, dy't er makke hat mei de Snitser Kantorij, it koar dêr't er al sûnt 1975 de lieding fan hat. Utgongpunt foar Sûnder Mis binne de seis feste ûnderdielen fan in liturgyske plechtichheid, it by it tsjerkfolk bekende ‘Ordinarium’. It nijsgjirrige projekt is lykwols mear as in hjoeddeiske bewurking fan dy besteande teksten. Sterker noch, se binne op 'e nij ferwurde. En sa't elk wit is gjin minske gelyk. Dat jildt ek foar de seis Fryske dichters dy't foar dit projekt frege binne. It resultaat is hiel wikseljend, likegoed wat de muzyk as wat de teksten oangiet. It is dat de toansetting fan John Eskes sa goed yn it gehoar leit, oars soene jo fan de fisy fan Eppie Dam op it ‘Kyrie’ daliks al wat mankelyk wurde. Dam hat de tekst skreaun tsjin de eftergrûn fan Sebrenica en dêrom bewust elke foarm fan rym weilitten, want ‘hoe kin men rymje wat net te rymjen is?’ Nei it melodieuze, Frâns-romantysk tinte ‘Kyrie’ is it even wennen mei it ‘Gloria’ fan it duo Jan Dotinga-Wim D. Ligtenberg. Dotinga docht hjir bliken fan in djip ûntsach foar alles wat natuer is (beammen benammen), wylst Van Ligtenberg him útlibbet yn in fernimstich boartsjen mei seistoanige rigen. Muzyk fan 'e ‘tekentafel’: knap, mar mear holle as gefoel. Berber van der Geest rjochtet har mear op it ûntaastbere en grypt yn it ‘Credo’ werom nei de tsjerke fan har jeugd. Willy Egmose, ien fan de trije bûtenlanners dy't foar dit projekt frege is, lit de Snitser Kantorij (en oargelist Frits Haaze!) wrachtich in bytsje swinge. Net tafallich, want de Deen hâldt fan jazz. De âldste fan it selskip, de Fin Tauno Marttinen (1912), is ek de komponist dy't it mystike fan it Gregoriaansk it meast sprekkend wit te ferklankjen. In idioom dat goed past bij de ienfâld (‘sis mar ús Heit’) fan Tiny Mulder. Nei it ‘Sanctus’ folget it frij tradisjonele ‘Benedictus’ fan de Tsjech Jirí Ropek en de dichter Harmen Wind. Wêr hiel oars is it persoanlike ljocht dat Margryt Poortstra en Johan de With op it ‘Agnus Dei’ skine litte. Lykas sein, in nijsgjirrige CD, dêr't goed op songen en begelaat wurdt. Dat jildt ek foar Wim van Ligtenberg syn ‘Lieten fan Leafde’ op Fryske teksten fan Jan Dotinga, dy't ynspirearre waard troch de Amerikaan Walt Whitman. Yn dy syklus lit Nynke Klein Hesselink hearre hoe moai in hoarn klinke kin yn 'e Snitser Martinitsjerke. Ek it koar en it karakteristike Maarschalkerweerd-oargel binne prachtich fêstlein. Mar oft it elk syn smaak is, dat doar ik te betwifeljen. Mocht dat net sa wêze, dan it ‘Kyrie’ fan John Eskes mar in hoartsje op ‘repeat’, want dêr sil gjinien him oan steure. Wis is dat Bob Pruiksma en syn Snitser Kantorij sa njonkelytsen tige wichtich binne foar it nije Fryske liet. Allinnich al it projekt Kryst yn Boazum wie

Trotwaer. Jaargang 32 194 yn it ferline goed foar fjirtich lieten. Pruiksma foeget dus de died bij it wurd as er seit dat in koar net allinne in konservearjende funksje hat, mar ek diel útmakket fan de libbene kultuer.

De fûke: it boek sloopt foar de film? (2)

Foar in goeie film moatst in boek earst slope. Regisseur Steven de Jong op in byienkomst oer Fryske films en literatuer; Ljouwert, 29 jannewaarje 1999.

Selden in film sjoen dy't sa ticht by it boek bleaun is. En dat is ek skoan te begripen: de skriuwer fan it boek wie ferantwurdlik foar njoggentich persint fan de dialogen en yn de film De fûke giet it benammen om dy dialogen. Goed, Steven de Jong mei dan noch aardich wat fan dy praterij oanpast ha, de basis is oerein bleaun, lykas elk dy't it boek der nochris op nei lêzen hat konstatearje kin. In pear dingen binne taheakke, om't men yn in film no ienkear mei oare dramatyske wetten fan dwaan hat as yn in boek. Mar dat de regisseur it hûntsje Bijke opfiert om de film lucht te jaan of dat de dea fan soan Germ feroarsake wurdt troch ferdrinking ynstee fan de kûgel betsjut noch net direkt dat der al te grouwélich mei in slopershammer wurke is troch de regisseur. Krekt oarsom: foar myn gefoel hie der hjir en dêr noch wol mear sloopt wurde kind om noch mear by de kearn fan it ferhaal te bliuwen. Nim it ôfblazen fan Jelle Hûn nei't er troch de boargemaster ûnderfrege is: dêr wurdt yn de film in fikse tongerslach fan makke. De pear sinnen dy't der yn it boek oan smoarch makke wurde, ûntaardzje - as men se hast letterlik yn de film weromkommen heard - yn in te lang trochseuren oer Jelle Hûn syn flatulogene kapasiteiten. Yn in film kin it al gau mei wat minder ta. De stelling fan Steven fyn ik te algemien en giet seker foar syn twadde spylfilm net op. De kracht fan de film De fûke is dat Rink van der Velde syn ‘boekje’ (sa't er syn masterwurk sels faak oantsjut hat) yn grutte halen gelokkich moai yntakt bleaun is. Geart de Vries

Trotwaer. Jaargang 32 195

Lode Pemmelaar, in relativearjende realist Rudy Hodel

Lode Pemmelaar. Een selectie uit zijn werk. Fries Museum, Ljouwert (o/m 22 maaie).

Anne Feddema e.o., Lode Pemmelaar. Keunstwurk, Ljouwert 2000. 75 siden. f 35.

Elke skriuwer, sjoernalist of skilder sit op syn of har wize achter de werklikheid oan. En ien fan harren wie Lode Pemmelaar, berne te Rotterdam yn 1942 en stoarn yn Ljouwert op 16 desimber 1997. It keunstpublyk ken Lode Pemmelaar as in frij koele en saaklike realist, dy't by foarkar stillibbeneftige foarstellingen fan lúsjefersdoaskes, doazen, kloskes jern, gom, boekekasten en potleaden skildere. Mar wie hy wol dy droege, nofteren skilder? Ut it boek mei syn namme derop en it oersjoch fan syn wurk yn it Fries Museum blykt fan net. Achter syn deade wrâld of alteast in wrâld sûnder minsken of minsklike oanwêzichheid, skûlet in hiel oare Lode Pemmelaar en dy werklikheid is fol fan kleur, stil spektakel en drama. It prachtich útfierde boek Lode Pemmelaar is hjir it dúdlikst. Der is hast in rjochte streep te lûken tusken it oangripende foaropwurd en syn twa lêste skilderijen. Koart foar syn dea hat Lode Pemmelaar noch in tal freonen frege in boek oer him te meitsjen. Ien fan dy freonen wie Rob Hoelen, dy't ûnder oaren de earetentoanstelling yn it Fries Museum regele; mar ek hy soe de frucht fan syn wurk net sjen. Hoelen stoar twa jier nei Lode Pemmelaar. En dan de twa lêste skilderijen, dy't spitigernôch net yn it Fries Museum hingje. Op it earste sjogge wy in read, trijedielich finster fan it type dat allinnich noch yn âldere hûzen foarkomt.

Lode Pemmelaar, Venster, 1977. (foto Erik Hesmerg)

Trotwaer. Jaargang 32 196

Bûten hearsket it tsjustere blau fan de nacht en yn dy nacht sjogge wy út in leech perspektyf wei, allinnich in glimp fan swarte beammen. Op it twadde skilderij is it reade finster nei bûten ta iepene. De bewenner fan it hûs, dy't ûnsichtber is, liket útflein te wêzen nei in wolkeloft, dy't op moai waar wiist. De hel fan it earste skilderij is troch de dea in paradys wurden.

As ik myn wurden noch ris oerlês, liket it krekt of wurkje ik oan it senario fan in romantyske B-film oer libben en wurk fan in miskende keunstskilder, mar dat hat nei alle gedachten de werklikheid west, sa't Lode Pemmelaar dy field en belibbe hat. Alle auteurs dy't oan it boek meiwurke ha, Anne Feddema, Huub Mous, Geertje van Oudheusden, Jan van Oudheusden en Michaël Zeeman, litte op ien of oare wize blike dat hy yn wêzen in tige romantyske, dramatyske siel hie, dy't à la Magritte nei it ûnbekende ferdwûn is. Lode Pemmelaar, dy't yn 1971 nei Fryslân kaam, wie in bern fan syn tiid, de ‘sixties’. Oars as wy no yn de grutte musea foar moderne keunst sjogge, wienen de roerige jierren '60 in bloeitiid fan alle foarmen fan ‘Realisme’. Bewustwêzen en werklikheid, dêr gong it om yn dy dagen. Tal fan skilders seagen har wurk, lykas trouwens de modernistyske konseptuelen fan doe (!), as in prodûkt en provokaasje fan it bewustwêzen. Troch ienfâldige dingen te skilderjen, dy dingen te isolearjen, te fergrutsjen, te abstrahearjen of op in oare wize te feroarjen, tochten se dat de taskôger oars nei de werklikheid sjen soe. Ek har doel wie it ferromme, fergrutte bewustwêzen. It is spitich dat Huub Mous yn syn moaie bydrage oer de woartels fan Lode Pemmelaar him net yn ferbân bringt mei de term ‘Relativerend realisme’, de kategory dêr't Pemmelaar neffens my ta rekkene wurde moat. Jean Leering, doedestiids direkteur fan it Van Abbe Museum yn Eindhoven betocht dizze term foar in espel Nederlânske Realisten (û.o. Jan Beutener, Daan van Golden, Jan Roeland en Har Sanders) dy't lykas Lode Pemmelaar de realiteit net as in absolute entiteit opfetten, mar as in saak dy't relatyf en manipulearber wie. Foar alle dúdlikens: Jan Beutener skildere ek Magritte-eftige wolkeskilderijen, Daan van Golden wie yn 1965 (!) al ferneamd wurden mei syn ‘Theedoeken’, Jan Roeland skildere ûnder oaren in abstrakte piano en Har Sanders libbe him út op bêdelekkens. Allegear hiene se deselde ambivalinte halding foar de oanwêzichheid en ûntkenning fan it foarwerp oer. Allegear keazen se foar de frontale, twingende close-up, de statyske byldopbou en de relativearjende isolearring. En by al dizze skilders waard it byldflak de maat fan de dingen en net it realistyske perspektyf. En ek de kleur, ien fan de grutte kwaliteiten fan Lode Pemmelaar, waard loskeppele fan har yllúzjonistyske ferskining en krige in selsstannige diminsje. Bliuwt oer de ferskuorrende werklikheid. Lode Pemmelaar hat my ris mei trije of fjouwer wurden frege nei Wommels te kommen. Mar ik begriep neat fan dy swijsume graniten berch, dy't sa akelich nei drank stonk dat alle moed my ta de bûsen útrûgele. Ik haw him nea sprutsen. Syn wurk wie my wol genôch.

Trotwaer. Jaargang 32 197

Tegels Meinou P.

Al hiel wat jierren lyn haw ik it beslút nommen en diskusjearje noait, mar dan ek noait wer oer it Frysk. Der is yn dat stik fan saken neat dat net al sein is. Dus doe't ik in Nederlânsktalige, dy't yn in foar it grutste part Frysktalich selskip fersyld rekke wie, sizzen hearde dat er dat Fries mar smerig fûn, sei ik neat, al produsearre ik op dat stuit wol fierstente folle adrenaline. En doe't ik in medysk spesjalist ‘Reduzum’ opjoech as myn wenplak en hy ‘Roordahuizum’ opskriuwde - anders zou ík niet in Friesland kunnen wonen -, sei ik allinnich mar dat it gewoan offisjeel sa hyt. Punt út. Dat dêrnei myn bloeddruk te heech wie, wie fansels wol ferfelend. Dat jo soenen wol hast sizze dat ik in hiele protte fan it Fryske lân en it Fryske libben en de Fryske taal hâld. Mar sa is it no ek wer net. Der binne tiden dat ik al dy dingen haatsje. As ik de Ljouwerter Skotsploech de Skotse Trije dûnsjen sjoch yn it Frysk Museum as manifestaasje tsjin direkteur Van Krimpen wol ik wol fuortkrûpe fan plakferfangende skamte. Hupsûpengroattenbrij en ik sil dy wol krije, no, wa wurdt dêr net mislik fan? En dy taal, ja, dy taal. Hinget dy net gear fan allegearre kultivearre dommichheidsjes? Wat te sizzen fan de dûbele ûntkenning dy't yn it Frysk tastien wurdt? Nee, net tastien: hy wurdt propagearre, want it is Fryskeigen! Yn in fiedingsfoarskrift foar lytse bern: Noait gjin parkes of apelsmots jaan.... Soenen dy dan nea net pinebúk krije? Rekkenje kinne wy ek al net. Hoe komt it dat ‘twa kear safolle’ itselde is as ‘de helte mear’? Foar hoefolle betizing soe dat al net soarge hawwe? En ‘tien tegen één’ is by ús ‘tûzen om trettjin’. No ja, wy wienen altyd al wat behâldend. Simmeleftich wurd ik derfan. En fan dat wurd wurd ik kompleet gek! Mar Zantema fan it Frysk Wurdboek fynt it goed. It liket wol oft Friezen har dommer foardwaan moatte as se binne om ûnfertocht geef Frysk te wêzen. As der in Friezinne meidocht oan it nasjonaal sjongfestival doocht de Hollânske belangstelling net, want dy hat neat te krijen mei de Fryske kultuer. As der in Alvestêdetocht ferriden wurdt, dogge wy smeulsk oer it biertoerisme: lit se der bliuwe, se komme ommers net foar ús? As Heerenveen wint, binne der te min Friezen opsteld yn it ‘elftal’. Wy meie heechút grut wêze yn it lytse: kuorbaljen en keatsen. Want dat is Frysk. Getfer! En op sokke tiden wit ik it op slach: as wy it hjir Frysk hâlde wolle sûnder rekken te hâlden mei de nije tendinzen, sûnder soap of seksy searjes, dan komme wy net fierder as dat truttige stel tongersdeis op 'e bank. Yn-en-yn Frysk en boppedat sa dom as oalje. En dêr haw ik gjin argewaasje fan, net. Nee, dêr ergerje ik my sa ferskriklik oan dat ik der spontaan in galstien fan krij! Wa't hjir op reagearje wol, krijt gjin andert. Yn alle gefallen net fan my: ik diskusjearje net oer it Frysk.

Trotwaer. Jaargang 32 198

Trioel

Hege literatuerridder Trinus,

Folskriuwer Koop Scholten hat it oandoard en skriuw yn De Oesdrip, ‘Húsorgaan fan it Skriuwersboun’, wêr't Fryske lêzers ferlet fan ha. Soks mei net fan Trinus Riemersma. Net om't Koop wat ûnbeholpen formûlearret, mar om't it Skriuwersboun der neffens Trinus is foar de behertiging fan 'e literêre belangen fan syn leden (‘Altyd wat!’, Trotwaer nûmer 3). Hy mocht wolris útlizze wat soks is, ‘literêre belangebehertiging’. De Kristlik Fryske Folksbibleteek docht dêr net oan mei. Dy is aldergeloks noch krekt akseptearre as in ‘grif needsaaklik kwea’. Want se earbiedigje dêr, ‘alteast mei de mûle’, de ‘hege literatuer’. Dat is sûnt Douwe Kalma, 1916, in echt Frysk wurd: hege literatuer. Men lêst it noch wolris yn it Stellingwerfsk, it Limburchsk en it Achterhoeksk, mar yn it Nederlânsk, it Ingelsk of it Frânsk hast noait. Michaël Zeeman en Carel Peeters hawwe it altyd oer oare kwaliteiten fan it wurk dat se besprekke. Swankebast Kalma hie it noait net stean op ‘gearkomsteroppers’ en ‘winterjûnenochters’ fan 'e Fryske kriten en Sljucht en Rjucht. Oan ‘ferlettefoldoggers’ wie er noch net takommen, mar hy hie it betinke kinnen. ‘Ferlettefoldogger Jan fan 'e Gastmar’, of Waling Dykstra, of Tsjibbe Gearts van der Meulen, en Yme Schuitmaker letter. Trinus hat it oer ‘de foaroanmannen yn 'e tritiger jierren’ dy't de ‘hege’ literatuer yn 'e groppe rêgje woene en de folkske literatuer op 'e troan sette. Dêr fergeliket er, mei ik oannimme, de brave FNP-sosjaal-demokraat en alhielûnthâlder Koop Scholten mei. De foaroanmannen? Wa? Dy Douwe Kalma fan 'e hege literatuer? Wumkes? EBFolkertsma? Sibe Douwes de Jong? Jehannes Doedes de Jong? Douwe Tamminga? Fedde Schurer? Of Rintsje P. Sybesma? Nee, dy net, en Jan Piebenga dochs ek net. Miskien Jan Melles van der Goot, mar dat wie gjin foaroanman. Mar goed, Trinus hat wer in aai lein en útsprutsen wêr't hy mei syn Koperative Utjouwerij foar stiet. Behertiging fan beleaven hege, leafst de alderheechste (op syn minst op Jeropeesk nivo, soe Jaap Noordmans yn 1962 skriuwe kinnen ha) literêre belangen, en net foldwaan oan in ferlet fan wa dan ek. Mar wêrom skriuwe se fan 'e KU dan op 'e achterkant fan Dy ferrekte papen fan Teije Brattinga dat it ‘in prachtich ferhaal’ is? O nee, it is in ‘documentaire dramatique’, en dan moat it wol hege literatuer wêze, krekt as Sinleas geweld fan Trinus Riemersma, sa fol mei heechliterêre nammegrapkes en oare ferhevenheden. Jawis, dêr leit de earste en heechste taak fan ús Skriuwersboun. O ja, en Josse, ik bin net grifformeard, mar fierder de kompliminten mei dyn ek al sa tige heech literêre skriuwprodukt en alle fynsinnige ferwizings nei De Bik en de Kosmospolyt.

Yn paslike nederigens, Jins Klaas Jansma.

Trotwaer. Jaargang 32 199

Nije útjeften

Nije Frysktalige útjeften yn it tiidrek 1 jannewaris - 1 maart 2000. Oanfollings binne wolkom by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Grutte Tsjerkestrjitte 212, 8911 EG LJOUWERT; 058 2120834, [email protected].

Belletry

- Teije Brattinga, Dy ferrekte papen. Omslach: Teije Brattinga. Koperative Utjowerij, Boalsert. 312 siden, f 39,50 - Knut Hamsun, Pan. Fryske oersetting: Janneke Spoelstra. Omslachûntwerp: Teije Brattinga. Koperative Utjowerij, Boalsert. 150 siden, f 29,50 - Saakje Huisman, Losse hannen. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 239 siden, f 24,50 - Joke Keizer, In roerich libben. Gurbe-rige nûmer 158. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 128 siden, f 25,00 - Koartwei. 21 Fryske ferhalen. Gearstallers: Baukje Wytsma en Ernst Bruinsma. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 224 siden, f 28,50 - Lieuwe Pietersen, De lêste dûns. KFFB Nû. 409. Omslachûntwerp: Wilh. Pietersen-Nauta. Kristlik Fryske Folksbibleteek. 184 siden, f 24,90 (foar leden KFFB f 12,50) - Durk van der Ploeg, It wurk fan 'e duvel. Gurbe-rige nûmer 159. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 360 siden, f 39,50 - Tr. Riemersma, Sinleas geweld. Koperative Utjowerij, Boalsert. 439 siden, f 45,00 - Jo Smit, Wês foarsichtich, Watse!. Fryske Klassiken II: nûmer 8. Twadde printinge. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 151 siden, f 22,90 - Akky van der Veer, Kuneara. Boekewikegeskink 2000. Omslachûntwerp: Gert Jan Slagter. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. 79 siden, fergees by oankeap fan op syn minst f 19,50 oan Fryske boeken yn 'e Fryske Boekewike - Rink van der Velde, De fûke. 8e printinge. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 120 siden, f 25,00

Berneboeken

- Pieter Feller, Klaskes Kaai. Omslachûntwerp en yll.: Marijke ten Cate. Afûk, Ljouwert. 94 siden, f 14,90 - Nynke van Hichtum, Der wie ris in âld wyfke. Fyfde printinge fan de útjefte fan 1978. Yll.: Tjeerd Bottema. Afûk, Ljouwert. n.p., f 9,90 - Max Velthuis, Kikkert en Barchje. Fryske oersetting: Louw Dykstra. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. n.p., f 11,90

Trotwaer. Jaargang 32 - Max Velthuis, Kikkert en Ein. Fryske oersetting: Louw Dykstra. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. n.p. f 11,90

Dichtwurk

- Jan Dotinga, De stilte is fol rûn. KFFB Nû. 407. Kristlik Fryske Folksbibleteek. 71 siden, f 14,90 (foar leden f 12,50) - Eric Hoekstra, De floeibere bân. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 119 siden, f 24,50 - Aggie van der Meer, De stêd, it bist, de ingel. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 30 siden, f 15,00 - 12 dichtrigels út defoarige ieu. Samling dichtrigels út de foarige ieu waarden printe ta gelegenheid fan Koppermoandei 2000 troch Karel F. Gildemacher. De Hynsteblom, De Jouwer. n.p., net yn 'e hannel

Ferskaat

- Almenak WSSFS 2000 ‘skier’. Almenakkommisje: Ruurdtje Anema, Watse Castelein, Floris Foyer, Goaitske Iepema, Anneke de Vries, Klaas de Vries. 14de lustrum. Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje, Wageningen. 199 siden, f? - Grou 2000, in momintopname fan karakteristyk Grou. Stichting Karakteristyk . 120 siden, f 45,00 - Elie Wiesel, Alle rivieren rinne nei see. Memoires. Twadde diel 1953-1969. Fryske oersetting: Jacobus Knol. KFFB Nû. 410. Kristlik Fryske Folksbibleteek. 315 siden, f 34,90 (foar leden KFFB f 24,90)

Neikommen 1999 Belletry

- Oene Spoelstra, Kommen en gean. Omslach: Teije Brattinga. Koperative Utjowerij, Boalsert. 92 siden, f 19,50

Dichtwurk

- Bartle Laverman, Kophimmelje. Omslach: Tjibbe Hooghiemstra. Koperative Utjowerij, Boalsert. 37 siden, f 19,50

Trotwaer. Jaargang 32 Ferskaat

- In skiednis fan 'e Fryske taalkunde. Under redaksje fan Anne Dykstra en Rolf H. Bremmer. Fryske Akademy-nûmer 890. Fryske Akademy, Ljouwert. 372 siden, f 40,00 - Bernard Smilde, Gloria in Excelsis. Bewurkings en eigen komposysjes. Utjouwerij Intrada, It Hearrenfean. 60 siden, f 29,50

Trotwaer. Jaargang 32 200

Meiwurkers

Ulke Brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Hy fertsjintwurdiget de tredde generaasje út it Brolsma's laach dy't him dwaande hâldt mei Frysk skriuwen. Debutearre ferline jier yn Trotwaer mei it ferhaal ‘It hûs’. Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de KFFB útjûn wurde. Hat frijwat nonfiction en kabaretteksten skreaun. Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. Atze Keulen (1938) Studearre klassieke talen yn Grins, wie learaar en konrektor yn Snits en Hengelo. Publisearre in oersetting fan Seneca syn Troades (1995) en in stikmannich keatslimericks yn Wis-in (1998). Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultueren einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. Oene W. Nijdam (1944) siet by it ûnderwiis, publisearret oer muzyk en is resinsint by de Ljouwerter Krante. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis. Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. Immy Tappers (1948) is jeugdbibliothecaris. Piter Terpstra (1919) skreau fjouwer toanielstikken en ien oersetting út it Ingelsk foar Tryater. Syn lêste stik wie (in pear jier ferlyn) Marijke Meu. Hy hat diel útmakke fan de Commissie beoordeling toneelgezelschappen van de Raad voor de Kunst. Toanielkritiken fersoarge er foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân. Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysken Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollânsk wie dat Plaatselijke Tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten.

Trotwaer. Jaargang 32 (Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant voorplat

[Nummer 5]

Trotwaer in magazine? Moat, no't Frsk opdoekt is en der in grut gat gappet tusken de literêre tydskriften en de F-side, besocht wurde om Trotwaer te ferbreedzjen ta in algemien-kultureel magazine? De redaksje fynt fan wol (sjoch it foarige nûmer). Ek it bestjoer fan de Koperative Utjowerij, ús útjouwster, wol dy kant wol mei út tinke. In betingst is al dat it literêre karakter fan it blêd net ûndersnijt. Dat soe de redaksje ek net heal wolle. Wy stjoere oan op in breed opset opiniearjend tydskrift mei in dúdlik werkenber literêr part, bygelyks yn de foarm fan in apart katern. De folgjende stap is no in petear mei de subsydzjejouwers, de Provinsje Fryslân en it Literair Poduktie- en Vertalingenfonds.

Trotwaer. Jaargang 32 201

Help, de emigranten komme! Tr. Riemersma

As in minske oer de grinzen fan syn territoarium giet, dan ferliest er syn minsklikens. Dat soe eigentlik in hypoteze wêze moatte, mar ik ponearje dizze stelling as wierheid. Ik tink dat ik gelyk ha, want ik ha ornaris gelyk. It liket sa te wêzen, dat de seden dêr't in minske mei opbrocht is, bûn binne oan de eigen krite en dêrbûten har jildichheid ferlieze. Dat is wol in raar idee, ik kom hjir yn it sok fan mannen út 'e tritiger jierren dy't gearhingen seagen tusken taal en sede, folk en sede, folk en taal. Soks hat my noait oan wollen. In Fjetnameesk bern bygelyks dat by Fryske adopsjeâlden geef Frysk leard hat, en troch dy taal te brûken blike lit dat er by ús mienskip hearre wol, is foar my in Fries. Ik leau net yn in oanberne disposysje foar in taal of in opfetting fan seedlikheid. Mar myn ûnderstelling, dat sede en lân gearhingje, is like healwiis. De lju dy't yn 'e 19e ieu út Fryslân wei emigrearre binne nei Amearika, dienen dat út need en ellinde. It wienen minsken dy't hjir om har leauwe (griffermeard) ferhûddûke waarden of dy't ekonomysk yn 'e nederklits sieten en gjin mooglikheid sêgen om har hjirre in ridlike takomst te bemasterjen. As nei de Twadde Wrâldoarloch in nije stream de grutte dobbe oerstekt, spylje benammen ekonomyske motiven in rol. Dochs sil ek de Dúske oerhearsking bydroegen hawwe ta de winsk nei frijdom en rûmte. Sokken dy't de benearing oan 'e lea ûnderfûn hawwe, soest fan ferwachtsje dat se ek in krûm begryp opbringe kinne foar oaren dy't omkrûmte bylein wurdt. Dochs is my neat bekend fan in Frysk Bûn Tsjin Diskriminaasje. Ik moat freze dat de Fryske emigranten fleurich meidien hawwe oan it ferhûddûkjen fan 'e negers yn 'e Feriene Steaten, de yndianen yn Kanada, de negers yn Súd-Afrika en de aboriginals yn Austraalje. Minsken dy't út har lân gonne en har in plak taeigenje yn in oar lân, skine kompensearje te moatten wat har yn it eigen lân ûntbrutsen hat. Thús hearden se ta de ûnderste lagen, yn it nije lân wolle se baasspylje en oaren yn 'e bedelte stjitte. De reedlikheid en seedlikheid dêr't se yn it âlde lân mei opbrocht binne, bedarje yn it nije lân yn 'e fodkoer en de oertsjûging fan in natuerlik rjocht op 'e heechste posysje nimt it plak yn. Fan 't simmer komt dat leger fan oerwinners mei har rútsjehimden en bespotlike petten nei it âlde lân werom. Moatte wy dan oarsom de dupe wurde fan har hearskersmentaliteit? Moatte de efterbliuwers har oanpasse oan 'e wetten en regels fan 'e nije wrâld? Ik freegje my ôf hoe't ik de fêsting ferdigenje sil. Ik ha neat yn 'e bouten, myn frou gammelt oan 'e rêch en de âld hûn kin allinnich noch mar haffelje. Myn jongste soan hat gâns ferstân fan elektrisiteit, dat dy moat de doarren mar ûnder stroom sette. Myn jongste dochter hat in easterske fjuchtsport leard dat dy kin wol in stikmannich ferrot slaan. En fierders moatte wy hoopje dat de emigranten it hjir sa'n nearzich en efterlik soadsje fine, dat se de earste de bêste plane pakke om wer nei Gods own country te gean.

Trotwaer. Jaargang 32 202

‘It hie ek it buorfamke wêze kind’ Frans Steenmeijer

Wie staan er eigenlijk aan de basis van ‘de Friese idylle’? Zeker niet de oncomplimenteuze Romein die niet verder kwam dan ‘Frisia non cantat’. Grutte Pier, Gemme van Burmania, Gysbert Japicx en de Halbertsma's zullen allen hebben bijgedragen aan het beeld van het arcadisch Fryslân. En zo zal het zijn doorverteld tot en met de Jong-Friezen van het begin van de twintigste eeuw. Waarschijnlijk vormde dit soort voorstellingen eerder een tijds- dan een typisch-Fries fenomeen. Maar waarom is het dan elders reeds lang achterhaald terwijl het in Fryslân op z'n minst nog een themanummer van Trotwaer (b)lijkt te rechtvaardigen? Zou ook hier misschien de stelling opgaan dat in Fryslân alles vijftig jaar later gebeurt? Maar nu in ernst. Bestaat er nu nog zoiets als een ‘Friese Idylle’? Een idylle, waarin velen geloven en die door grote aantallen Friezen wordt beleefd en gedeeld? De idylle van werkelijk te leven in ‘it bêste lân fan d' ierde’? Vinden we dat werkelijk van Fryslân? Of is het meer een symbolische tekst om te zingen, bij voorkeur bij Grote Gebeurtenissen met honderden of zelfs duizenden tegelijk? Zoals lang geleden in een stampendvolle Harmonie toen het Frysk Orkest moest worden gered of zoals volgend jaar als SC Heerenveen geen tweede maar eerste wordt in de Telecompetitie. Met een massa mensen bij elkaar is zo'n gevoel gemakkelijk op te roepen. En zelfs Friezen zijn niet zulke individualisten dat zij daar ongevoelig voor zijn. Maar eenmaal buiten Fryslân, in z'n eentje voorbij Wolvega of over de Afsluitdijk, gelooft de Fries dan nog steeds letterlijk dat hij zojuist ‘it bêste lân fan d' ierde’ achter zich heeft gelaten? Let wel, ik heb het hier niet over de emigrant - binnen of buiten Nederland - die zijn nostalgische gevoelens koestert. Het gaat mij om de gewone hedendaagse Fries die voor zijn werk, familiebezoek of vakantie de provincie verlaat. Krijgt bij hem niet gauw dat àndere gevoel de overhand, dat gevoel dat Fryslân in de grote wereld misschien toch niet zó veel voorstelt? Het gevoel van de buitenman in de grote stad. Zoals Nederlanders in den vreemde altijd (ten onrechte overigens) denken dat ze uit een klein land komen. Maar ook al is de invloed van Fryslân in de wereld dan beperkt, wij onderscheiden ons. Door de taal in de eerste plaats. Maar niet alleen daardoor: wij en niemand anders skûtsjesile en fierljeppe, wij hebben Thialf, Beerenburg en de Oldehove. En bovendien, zo eens in de elf jaar, de . Is Fryslân daarmee uniek? Beslist. Is het daarmee ‘unieker’ dan andere provincies ofbezien in een wijder perspectief- dan andere Europese regio's? Ik zou zeggen van niet. Elk kan zijn lijstje uitzonderlijkheden leveren en daarmee zijn uniciteit bewijzen. Vraag het de Limburger, de Vlaming of de Catalaan. Toch is het juist dàt, het ‘unieker’ zijn dan anderen, wat de mythe van ‘de Friese Idylle’ veronderstelt. Een stukje grond, dat zijn weerga in de wereld niet kent en waarvan wij weten dat het bevolkt wordt door de trouwste, de meest vastberaden, de eerlijkste en edelste mensen die de wereld heeft voortgebracht. Iets wat

Trotwaer. Jaargang 32 vanzelfsprekend al wat minder opgaat voor de mensen van het volgende dorp en al helemaal niet voor de aanhangers van het andere

Trotwaer. Jaargang 32 203 geloof of de supporters van de concurrerende vereniging. Kortom, ik geloof niet zo in de Friese idylle anders dan als een emotie, die zichzelf aan zijn schoenveters boven het moeras probeert te houden. Ik vermoed bovendien dat de meeste Friezen er zo over denken. Niet allemaal en onder degenen die het anders zien zijn zeker niet de minsten. Ir Lieuwe Eringa, gedeputeerde van 1970 tot 1982, zei bij zijn afscheid het volgende: ‘As immen seit (as politikus): Ik wol Fryslân bestjoere, mar it hie ek Curaçao wêze kind, dan docht dy itselde as de man dy't tsjin syn frou seit: “Ik ha dy frege mar it hie hie ek ús buorfamke wêze kind”.’ Ik heb dat altijd als een bijzondere uitspraak beschouwd. Voor Eringa maakte het principieel verschil uit of hij gedeputeerde was of gedeputeerde van Fryslân. Het is een gedachte die bij mij nooit opgekomen zou zijn. Maar die, doorleefd en authentiek, misschien wel heel precies weergeeft waar het bij de Friese Idylle om gaat.

Slachtekwatrinen (1)

Op fersyk fan it Skriuwersboun ha in tal dichters in kwatryn skreaun oer de Slachte. It Frysk Festival hat dêr sân útsocht. Dy meitsje - op glêsplaten en ferspraat oer de dyk - ûnderdiel út fan de kulturele maraton op 8 july 2000.

Simy Sevenster

Sjoch en harkje nei de skriezen kuierders oer 't âlde paad har kriten bliuwt muzyk foar Friezen grito-gryt oant oer it Waad

Jelle Bangma

Fan tûzen spoaren yn 'e tiid draachsto de groeden: do bist troch Klomp en Lears betrape en se stjoerden kroade en karrewein hjir oer dy del. Mar sjoch: hjoed tútsje Nike en Adidas dy licht en hoeden.

Trotwaer. Jaargang 32 204

De Fryske pylgerreis Huub Mous

Het blijkt dus erg moeilijk de mythe van binnenuit te vernietigen, want elke beweging die men maakt om zich ervan los te maken wordt op zijn beurt een prooi voor de mythe: de mythe kan altijd in laatste instantie de weerstand betekenen die men ertegen biedt. Eigenlijk is het beste wapen tegen mythe haar op haar beurt in een mythe te verstrikken, een kunstmatige mythe te maken: de aldus gevormde mythe is een ware mythologie. Roland Barthes

De reuny fan Friezen om utens yn it ramt fan Simmer 2000 hat in soad wei fan in pylgerreis. Friezen meitsje yn in bysûnder jier in bysûndere reis nei har heitelân. Sa'n barren freget om in ritueel, in spoar dat neilitten wurdt yn it lân fan komôf, in bewiis ek dat de tocht folbrocht is. Lykas leafsten har nammen yn in beam kervje, sa wolle pylgers in spoar fan har oanwêzigens neilitte op har beminde bertegrûn. Foar in pylger yn 'e Midsieuwen wie de reis nei it beafeartsplak hast like wichtich as de oankomst. De reis sels wie in proses fan lottering. De pylger koe op 'en paad gean yn 'e hope op genêzing, om syn leauwe te fersterkjen en om help of om rie te freegjen. Faak waard de pylgertocht ûndernaam as in sels foarnommen boetedwaning, soms ek twongen as in fan boppe-ôf opleine straf. Dy aspekten fan lottering en boetedwaning binne yntrinsyk ferbûn mei it religieuze karakter fan de pylgerreis. Dochs kin ek in net-religieuze pylgertocht - lykas in reis nei it heitelân - liede ta in foarm fan besinning. Dy wize fan pylgerjen hâldt yn wêzen ek in ynderlike reis yn, in ekspedysje troch it ûnthâld, in syktocht nei ‘de ferlerne tiid’, it op 'e nij oriïntearjen op de eigen ‘roots’, en úteinlik - al sil dat miskien net de bedoeling wêze - in ûntnochtering. Sa sil it weromkommen nei Fryslân foar de besikers fan Simmer 2000 sûnder mis ek liede ta it bystellen fan in romantisearre en idealisearre byld fan ‘it bêste lân fan d' ierde’. De pylger komt oars werom as dat er fuortgie. Der moat wat wêze dat bliuwt. It byld fan Fryslân dat er socht is der net mear. It Fryslân dat er oantrof nimt er mei yn nije bylden en oantinkens.

Hokker foarmen fan pylgerjen hawwe der west? Hokker betsjutting kin dêr oan takend wurde? Hokker stereotype patroanen, gebrûken en rituelen binne dêr yn werom te finen? It fenomeen pylgerreis blykt net allinnich in antropologysk ferskynsel te wêzen mei in folle grutter berik as de religy, it dûkt ek yn alderhande nije gedaanten op yn 'e postyndustriële maatskippij. De struktueren fan dat fenomeen wurde yn dizze koarte skets yn kaart brocht. Dizze skôging yn fûgelflecht tsjinnet as opmjitte foar it projekt Pylgers nei Fryslân. It is in syktocht nei de djipste driuwfear fan 'e pylger. Syn reis is net allinnich in tocht troch de wurklikheid, mar ek in rituele ûndernimming fan symboalyske aard, dêr't de dingen as fansels sin en betsjutting by krije. De ile wrâld fan 'e symboalyske oarde, dêr't de pylger him yn bejout, is ek it domein fan 'e myten. Dat wol sizze: de myten fan 'e kultuer yn 'e betsjutting dy't Roland Barthes dêr oan jûn hat: in systeem fan tekens en betsjuttingen

Trotwaer. Jaargang 32 205 dat as in soart twadde wurklikheid ús bewustwêzen behearsket. Dat soart myten hawwe eigenaardige eigenskippen. Sa litte sy hieltyd it histoaryske as wat natuerliks ferskine. Sy transformearje it nije yn weromkommende foarmen en jouwe oan it tafallige in aureoal fan ivichheid. Om koart te gean, dy myten litte de wurklikheid sjen as oft sy altyd sa wie en ek altyd sa bliuwe sil. Troch it weromkommen fan de Fryske emigrant op te fetsjen as in hjoeddeiske pylgerreis wurdt net allinnich in tiidleaze wrâld ûntsletten fan symboalen en rituelen ûntsletten, mar komt ek in mytologysk langstme oan it ljocht, in langstme dat treflik oanslút by it fenomeen fan de Fryske ûnwennigens.

De earste pylger en de myte fan Fryslân

Jeruzalem en Rome wiene fan âlds de wichtichste beafeartsoarden yn 'e kristlike wrâld. Yn 'e lette midsieuwen waarden sy yn belang benefterlitten troch Santiago de Compostela, dêr't relikwyen fan Sint Jacobus bewarre wurde. Ut alle úthoeken fan Europa teagen pylgers dêr hinne. Dêrby reizgen se in tal fêste rûtes lâns. Yn Fryslân (Sint Jabik) soe ek in begjinpunt fan in rûte nei it suden west hawwe. Sa moat der in paad dwers troch Europa rûn hawwe, fan noard nei súd, fan Swarte Hoanne nei Finisterre. Dat Fryske trajekt fan 'e Santiagorûte waard koartlyn op 'e nij yn eare steld. It tafal wol dat de earste kilometers fan 'e Slachtedyk - it trajekt fan 'e kulturele kuiermaraton - gearfalt mei in stik fan dizze histoaryske rûte nei Santiago. Fan Easterbierrum nei Getswertersyl moatte yn 'e Midsieuwen pylgers rûn hawwe dy't ûnderweis wiene nei de fierste úthoeke fan it Jûntydslân. De wichtichste boarne foar it besteansrjocht fan it Fryske Japikspaad is it Liber Sancti Jacobi, dat yn Santiago bewarre wurdt. De Fryske pylgerreis soe sels ‘oan 'e foet fan 'e Molkwei’ begûn wêze. Neffens de kronyk fan Turpijn moat it ea allegear begûn wêze mei in fisioen fan Karel de Grutte:

Op een nacht zag Karel de Grote een Weg van Sterren aan de hemel. Deze begon bij de Friese Zee en liep langs Duitsland en Italië, door Gallië en Aquitanië, via Gascogne, Baskenland, Navarra en Spanje rechtstreeks naar Gallicië. Daar lag het graf van de gelukzalige Jacobus, destijds nog onbekend en verborgen.

Mar der is mear tusken himel en ierde, dat Fryslân ferbynt mei it pylgerjen. Yn 'e Midsieuwen kamen de Friezen yn alle úthoeken fan Europa oant yn Rome ta. Sommige Friezen wiene sels roomsker as de paus. Noch altyd sjocht de plakferfanger fan Kristus op ierde, as hy teminsten ta it rút fan syn keamer út sjocht, dat it tuorke fan 'e Friezetsjerke as earste spits boppe de kolonnade fan it Sint Pitersplein útstekt. De earste pylger, dy't yn 'e achtste ieu nei Santiago teach en waans namme yn boarnen bekend is, soe ek in Fries west hawwe. Syn namme wie Everamus. De grutste kuiertocht fan Europa soe dêrmei foar it earst troch in Fries foltôge wêze. Op himsels is dat net sa frjemd. Friezen hawwe wat mei selsoplein lijen. Deep down is elke Fries in potinsjele masogist. De koestere miskenning is de kerozine fan syn jildingsdriuw. Hy hâldt derfan om himsels te kastijen, om himsels tsjin te kommen yn in hast boppeminsklike krêftsynspanning en dan troch te gean. Hieltyd fierder en fierder,

Trotwaer. Jaargang 32 mei de holle yn 'e wolken en de fuotten op ierde, want sa heart dat te gean by it pylgerjen. Spitigernôch sit der in lytse smet op it ferhaal fan Everamus. Syn beskriuwing is apokryf en datearret út 'e tolfde ieu. Dat wie de tiid fan 'e grutte katedralen, de ieu ek dêr't de beafeart nei Santiago syn bloeiperioade yn belibbe. De faam fan dy barre tocht sil mannich skribint de

Trotwaer. Jaargang 32 206 kop oerstjoer makke hawwe. It sukses hie ek yn 'e Midsieuwen in soad foarfaars en de kâns is dan ek aardich grut dat de Fryske oarsprong fan 'e pylgerreis nei Santiago mear op Dichtung as op Wahrheit berêst. En dochs, wa wie dy Everamus? In ferdwaalde fagant of in kening fan 'e Noardsee? Wie er de earste frije Fries dy't befongen waard troch in ûnwjersteanbere langst nei de fierte? Wat beweegde him om fuort te gean, oer hikken te springen en te rinnen en te rinnen oant it gers ûnder syn fuotten ferdwûn, de paden, kronkeljend by ravinen lâns, droech en rotseftich waarden, om him úteinlik, op it lêste rjochte stik, as yn ekstaze gean te litten nei Santiago, all alone like a rolling stone...? Wie it berou om in stikeme misdie of gewoan in midsieuske midlifecrisis? Wie er bang foar de donkere spegel fan syn siel, it skûlplak foar de Antikrist, de barbaarske moard yn Dokkum miskien? Siet de duvel him efternei of wie er gewoan op 'e siik nei God. Mar dy wenne dochs noch heech en dreech yn Jorwert? Miskien woe er wol emigrearje en koe er net aardzje sa fier fan hûs. Moatst dochs wat te fertellen hawwe ast sûnder datst ta dyn doel kaam bist wer op it doarpsplein fan Blije ferskynst. De minsken wolle ornaris wêze dêr't se net binne, sokssawat moat Everamus dêr sein hawwe. Wa't fiere reizen makket kin in soad ferhelje, en sterke ferhalen moat er wis ferteld hawwe, oer hoe fier it wie en hoe swier. Ferhalen ek oer de blierren ûnder syn fuotten, de minne winen ûnderweis, de flieën yn syn bêd en de rovers yn 'e nacht. En, net te ferjitten, ferhalen oer ûnwennigens, altyd mar wer de langst nei Fryslân dat hieltyd op 'e nij de kop opstuts lykas de duvel yn 'e tympanen fan al dy tsjerkjes ûnderweis. Hoe wreed syn reis ek west hat, ek Everamus is ea wer behâlden thúskaam. As in oar mins miskien. Miskien ek net. Syn Japiksskulp is net mear weromfûn. Faaks dûkt dy ea noch ris op tusken de diggels yn it Frysk Museum, earne tusken in Romeinske sleef en in learene skoech út de tiid fan Bonifatius. Dat ferlerne relikt út ferfleine tiden soe in bysûnder plak fertsjinje neist it swurd fan Grutte Pier of it parfumfleske fan Mata Hari. It ferhaal fan Everamus, de earste pylger yn Europa, slút ommers presys oan by de mytology fan Fryslân, it lân fan de alve stêden en de tritich gritenijen. Hoest it ek besjochst, Everamus heart thús yn it stege panteon fan Fryske helden en heldinnen, it wrede paradys fan de hilligen fan Fryslân. Feit of fiksje, de skientme fan syn hast boppeminsklike prestaasje wurdt der yn 'e ferbylding net minder om. [...]

De myte fan de Fryske ûnwennigens

It beloofde lân waard in wreed paradys. Net foar neat brûkt Hylke Speerstra dy âldtestamentyske metafoar foar it drama fan de Fryske emigrant. Mei tûzenen tagelyk teagen se fuort yn 'e tritiger en fyftiger jierren fan 'e foarige ieu, nei Kanada, Amearika en Australië. Noch dramatysker wie de úttocht ûnder de grutte lânboukrisis oan it ein fan 'e njoggentjinde ieu. Yn syn boek Het rode tasje van Salverda meldt Goffe Jensma dat tusken 1860 en 1920 likernôch 150.000 Friezen har bertegrûn ferlieten. Dy droege sifers litte in glimp sjen fan it massale leechrinnen fan Fryslân, dat him desennia lang ôfspile hawwe moat. Yn Fryslân wie gjin droech brea te fertsjinjen. By de earste nei-oarlochske folkstelling kaam nei foaren dat yn 'e kategory 68 jier

Trotwaer. Jaargang 32 en âlder mar leafst sân persint fan 'e Amsterdamske befolking yn Fryslân berne wie. Foar in protte bern fan Fryske ‘ballingen’ stie de widze dan ek yn 'e haadstêd. Dy fan my ek yn 1947. Dy massale Fryske eksodus moat wûnen

Trotwaer. Jaargang 32 207 slein hawwe, net allinnich yn 'e siel fan 'e emigrant, mar ek yn it Fryske selsbyld by de generaasjes dy't efterbleaunen. Al it kwea siet tenei earne oars: yn 'e grutte stêd, yn 'e moderniteit, yn alles dêr't Fryslân it tsjinbyld fan wie. De eigen kultuer waard hillich ferklearre en dêr't se net fûn waard, moast se op 'e nij útfûn wurde. De Friezen fielden har hieltyd mear ferlitten oan it fuottenein fan in dominante nasjonale kultuer. Sterker noch, it ûntstean fan 'e Fryske kultuer is foar in hiel grut part befoardere troch dat kollektive trauma. Neist harren eigen taal binne Friezen noch altyd fiksearre op twa hillige domeinen: it kultureel erfgoed en it lânskip. Beide moatte hoe dan ek bewarre wurde foar de neiteam. Sa moatte natuer en lânskip neffens mannichien frij bliuwe fan eigentiidske smetten fan yndustry en moderniteit. Dêrby wurdt faak utgien fan in romantysk ideaalbyld fan it Fryske lânskip mei in skjinne hoarizon en doarpen sûnder wite skimmel, koartsein: it lege lân fan 'e njoggentjinde ieu. Dat ideaalbyld wurdt ek noch altyd troch Fryske skilders yn libben hâlden. Sy skilderje as gjin oar de bylden fan de pynlike langst nei de wrydske Fryske hoarizon. It binne suvere, kearneftige, ûnoantaaste doarpsgesichten, sûnder wynturbines dêrst senuwsykte fan krijst. It doarp fan Gerrit Benner, mei in pear streken en sprekkende kleuren op it doek set, wie al lang foar't de keunstner it yn syn ferbylding seach, yn it kollektive bewustwêzen fan Fryslân delslein, sa bot sels dat mannichien hjoed de dei hast hystearysk reagearret op de oantaasting fan dat suvere ideaalbyld, dat tsjin better witten yn in ivichheidswearde tatocht wurdt. De ikoanen fan it Fryske lânskip binne net allinnich troch skilders stilset yn 'e tiid, mar is ek beferzen yn 'e taal yn 'e lyryske poëzij fan Halbertsma, Troelstra en Obe Postma. De evokaasje fan it sakrale Fryske lânskip fynt ek hjoed de

Nicolas Dings, Pylgers nei Fryslân (seefdruk)

Trotwaer. Jaargang 32 208 dei syn fertaling yn it poëtysk gefoel fan in nije generaasje. ‘Der komt mar ien tins yn my op’, sa dichte Anne Feddema koartlyn. ‘Dit lân is gjin lân, mar in katedraal foar God!’. Binnen de hillige trije-ienheid ‘taal-natuerhistoarje’ is yn Fryslân de soarch om 'e materiële restanten fan it ferline wol it meast ûntwikkele. Mei santich musea en âldheidkeamers hat dizze provinsje de measte museale foarsjennings. Fryslân stiet bol fan 'e histoarje, ek as it om monuminten giet en om histoaryske genoatskippen en stichtingen dy't har ta hoeder fan it kulturele erfgoed makke hawwe. De Fryske kultuer berêst feitlik op in kombinaasje fan fêsthâldend leauwe en koestere miskenning. Sterker noch, de Fryske kultuer is foar it grutste part in konstruksje út 'e njoggentjinde ieu, doe't sy op 'e nij útfûn waard troch in lytse elite fan notabelen en partikuliere samlers. No noch hâldt mannich Fries - tsjin better witten yn - fêst oan it idee dat fan de oertiid ôf oan ien tried wei troch Friezen op 'e terpen wenne hawwe. De invention of tradition wurdt yn Fryslân as in stelsel fan ûnoantaastbere mytes koestere en troch de oerheid yn kultuerbelied sanksjonearre. Sa is it fertriet fan Fryslân noch altyd de mankelikens fan 'e efterbliuwer dy't de boat mist hat. Unwennigens is it eftergrûnmuzykje dat hieltyd op 'e nij komponearre wurdt út deselde langst wei fan 'e Fries út de foarige ieu nei it suvere libben yn in lytse mienskip. It is de langst nei de rook fan gers en de smaak fan 'e Fryske grûn, dy't er - lykas Jopie Huisman it ea ferwurde hat - wol opfrette wolle soe. Dat universele gefoel fan langst nei de organyske gearhing yn 'e doarpskultuer fan eartiids hat Geert Mak foar it hjoeddeiske stedsfolk op 'e nij konstruearre troch der al skriuwende nei te sykjen yn syn Hoe God verdween uit Jorwerd. It is in wûnderlike langst dy't er tsjinkaam, in langst dy't yn syn djipste wêzen hielendal net út is op ferfolling, mar krekt yn ûnferfolle steat foar ivich fuortbestean wol. Eangst foar de foarútgong lei oan 'e basis fan dy net te ferfoljen langst. It ûntstean fan in kollektyf gefoel fan lotsferbûnens waard ferankere yn 'e eigen taal, in kultuerdragende struktuer, dêr't it histoarysk belang krekt ek yn 'e njoggentjinde ieu fan ûntdutsen waard. Alle ûntdekkingen fan doe dy't beflapt wurde ûnder folkskundige identiteiten hawwe in besykjen west om de tradysje op 'e nij út te finen. Sa waard de organyske gearhing fan 'e Midsieuwen in bestridingsmiddel tsjin de kwalen fan 'e moderne tiid. De Fryske kultuer waard it ideaaltype fan organyske gearhing. In hast religieus oandwaand korporatyf systeem rint noch altyd dwers troch de Fryske mienskip. Yn dat systeem hat de mytology fan Fryslân in fruchtbere fiedingsboaiem fûn, in mytology dy't him ek hiel goed lient foar eksploitaasje yn it kultuertoerisme, mar benammen ek yn de hjoeddeiske massamedia. De Friezen hâlde en drage har ommers mar al te graach, lykas lju út de rânestêd tinke dat se har altyd al hâlden en droegen hawwe, en ek altyd dwaan sille. De myte fan Fryslân is mediasjenyk, sjoen de oerweldigjende belangstelling foar Jorwert en in tegeltsjebrêge, dêr't gjin ferlet fan is foar it hillige plak Bartlehiem. Bylden fan 'e Alvestêdetocht op CNN bringe de ikoanen fan it santjinde-ieuske winterlânskip op 'e nij ta libben. Yn 'e ile romte fan de hjoeddeiske massamedia lizze de grûnpatroanen klear foar in revitalisearring fan de mytology fan Fryslân. Dêr is ek it patroan te finen foar de myte fan de Fryske ûnwennigens. De slogan Wy binne

Trotwaer. Jaargang 32 yn de media, de media binne yn ús kreëarret de betingst foar it mondiale werkennen fan de ûnferfolbere langst: Wy binne yn Fryslân, Fryslân sit yn ús.

Trotwaer. Jaargang 32 209

Dy kollektive ferbûnens mei de mytyske ûnwennigens dy't Fryslân opropt fynt noch altyd syn oarsprong yn it korporatyf systeem fan de Fryske mienskip, dat net allinnich rangen en stannen ferbynt, mar ek it ferline, it no en de takomst. It ferbynt sels emigranten mei elkenien dy't efterbleau. Se diele in gefoel dat net te beneamen is, itselde swak foar Fryslân. Dat gefoel is universeel. It is hast katolyk.

It Lourdesgefoel yn Simmer 2000

De pracht en preal fan it rike roomske libben binne ek yn 'e njoggentjinde ieu ûntstien, tsjin de ferdrukking fan wittenskip en positivisme yn. De driuw fan in bedrige groep leauwenden om te oerlibjen late ta in hang nei tradysje en it op 'e nij ynstellen fan kollektive rituelen. De ideale mienskip waard yn in fier ferline socht, yn 'e tiid fan organike ferbannen en spirituele gearhing. In wichtich ritueel wie de pylgerreis, dy't krekt yn 'e Midsieuwen har bloeiperioade kend hie. Sa is it op 'e nij ûntdekken fan 'e beafeart in wichtich en faak ûnderbeljochte skaaimerk fan 'e njoggentjinde ieu. It wie in utering fan roomske emansipaasje yn it stribjen om de tradysje op 'e nij út te finen. It boppenatuerlike waard ynset as medisyn tsjin de sekularisearring fan 'e mienskip. Koartsein, in wûndermiddel by útstek. Yn har boek Lourdes, geschiedenis van in religieus fenomeel fertelt Ruth Harris wêrom't it op 'e nij ûntdekken fan it pylgerjen destiids in hast needsaaklik barren wie. Mariaferskiningen wiene yn it Frankryk fan mids foarige ieu hast oan 'e oarder fan 'e dei. De hillige faam waard kear op kear sjoen troch bern, meastal yn grotten of spelonken yn ûnherberchsume streken. Se die alderhande útspraken oer har ‘onbevlekte ontvangenis’ en in oankommende ûndergong fan 'e wrâld. Dat krekt Lourdes útgroeie koe ta it nasjonale beafeartsoard fan Frankryk waard feroarsake troch in geunstige gearrin fan omstannichheden, lykas de eksintryske lizzing en de oanlis fan in spoarweiferbining. Dat groeiproses waard befoardere troch it mienskiplik belang fan geestliken oan 'e iene kant yn har ferwar tsjin de goddeleaze wittenskip en monargisten oan 'e oare kant yn har ôfkar fan 'e nijerwetske republyk. Beide bewegingen hiene baat by it te pronk setten fan in âlde organike gearhing los fan de hearskjende steatsynrjochting. In nasjonale beafeart joech útkomst. Dat ritueel ferbûn ommers alle rangen en stannen en brocht it rike ferline ta libben. Uteinlik brocht it sels geloofsgenoaten út alle wrâlddielen byinoar. It spektakulêre sukses fan Lourdes wie net allinnich basearre op in goed regissearre myte fan ûnskuld, mar foaral op in mienskiplike konstruksje dy't in hieljende útwurking hie op 'e trauma's fan 'e foarútgong. In nij milennium jout automatysk romte foar brede perspektiven. Foar de Fryske emigrant dy't weromkomt is ûnwennigens in iepenlizzend gefoel dat er dielt mei in kultivearre ûnbehagen by de efterbliuwers. Dy koestere trien fan it sentimint hat Simmer 2000 mei Lourdes mien. Oars sein, it fertriet fan Fryslân is de gûlende Madonna fan de eigen identiteit. It geheim fan Simmer 2000 is in Lourdesgefoel, in stille langst nei genêzing dy't ûnbewust socht wurdt yn dizze hjoeddeiske foarm fan pylgerjen. Dy genêzing leit as sa faak besletten yn it weromkommen fan datjinge dat ferkrongen is. De lêste myte fan Fryslân is Fryslân sels, it bêste lân fan d' ierde.

Trotwaer. Jaargang 32 Ynkoarte fersy fan it ynliedende ferhaal by it reisalter Pylgers nei Fryslân, in ûnderdielfan it projekt mei deselde nammefan Frysk Festival, dat fan 2 oant 24 july te sjen is yn it Princessehof to Ljouwert. Oersetting Mirjam Vellinga.

Trotwaer. Jaargang 32 210

In diel fan myn libben en wêzen Henry J. Baron

't Is no al jierren lyn. Ik bin wer yn Fryslân en nim de tiid om ris nei de âlde plakken te gean en it goed yn my omgean te litten dat ik hjir no as gast bin, hjirre yn it lân dêr't ik weikaam. Ik wol witte at de woartels fan myn jongesjierren no al hielendal út de grûn skuord binne. Ik ryd nei de skoalle dêr't ik it rekkenjen learde en de toverkrêft fan ferhalen ûntdiek, en foar de earste kear in tútsje fan in leaf famke krige. Soe myn âld skoalbankje fan de fjirde klasse der noch stean my myn hb oan de sydkant? Ik gean nei myn bertepleats, dêr by de Skieding, deun tsjin de Lauwers oan, dêr't yn in droege simmer heit de snoeken samar út it lytse sleatsje skeppe koe. Ik rin oer it hiem dat ik sneons faak himmel meitsje moast foar de minsken dy't hjir sneintemiddeis lâns kuieren. Mar no leit it der alles wat oars hinne. Ik fiel noch net dat ik thús bin. Ik rin troch, oer de hikke, it lân yn. It lân dat yn de maitiid giel wie fan de bûterblomkes. It lân dat ús heit oernaam fan syn heit. It lân dêr't syn kij op weiden, dêr't ierpels en rapen en biten yn de grûn sieten. It lân mei rogge en mais en heabulten. It lân dêr't myn broer en ik yn de oarlochstiid ier yn de moarn oerhinne strúnden, at de dize noch oer de grûn sweefde, sykjend nei de sulverpapierkes dy't út de loft kamen fan de fleanmasinen om de fijânlike radar te betiizjen. It lân fan pake en heit en ús bernejierren. En ik fernim no wol dat myn woartels der noch yn sitte.

Ik ryd yn in hierauto oer de smelle dykjes nei De Leijen, en dan nei de Burgumermar. Lang lyn ried ik hjirhinne by heit achter op de fyts, en letter yn de kreaze sjees dy't heit fan de buorman kocht hie. It bernegefoel fan in ierdsk paradys sjit my wer yn 't sin: in skoandere simmerfakânsjedei mei de famylje yn 't paradys fan it boatsjefarren op de Fryske marren. En dan wie der ek it paradys fan de wintertiid at der iis op de sleaten komt, op de dobben, en dan, dêr't eltse Fryske reedrider op longere, op de fearten. Ik ryd troch Koartswâld, it berteplak fan mem, en ynienen stiet my dy frisse winterdei wer helder foar de geast. It wie hjir fuortby dat myn freon en ik de redens ûnderbûnen. Wy hienen tastimming krigen foar ús earste cross-country aventoer. Troch de fjilden sweevje op in feart dy't sa moai troch it lân swabbert, it Knillesdjip oerstekke, de Trekfeart op nei Kollum ta, wat lekkers keapje, dan noch eefkes fierder oan Dokkumer Nije Silen ta. Wy hienen graach trochride wold nei de Lauwerssee, mar dan kamen wy te let wer thús. Dochs hat it in bjusterbaarlik moaie dei west. Soks ha 'k noait wer dwaan kind; der binne gjin fearten foar cross-country reedriders yn it nije lân.

Al dy oantinkens nimme je mei as je de wrâld fan jins bernejierren ferlitte. En wat je meinimme fan it âlde lân wurdt mei de tiid faak folle romantysker as it ea west hat; it wurdt in diel fan jins dreamen; it wurdt better en moaier; it wurdt mear in idylle. Sa sil it foar my earst ek wol west ha.

Trotwaer. Jaargang 32 Dochs bin ik ek in realist. Yn it eardere Fryslân wie in soad earmoed. De dochter fan in boer mocht net oan 'e skarrel wêze mei de soan fan arbeidersfolk. De minsken fan de iene tsjerke wiene folle better as fan de oare. De minsken fan de Klaai stiene op in heger nivo as de

Trotwaer. Jaargang 32 211 lju fan de Wâlden. Nee, Fryslân hat einliks noait in paradys west. Net yn de tiid fan Skieringers en Fetkeapers; net yn de tiid fan skûltsjerkjes en ôfskiedenen; net yn de tiid fan Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. It is fansels wol sa dat de minsken it hjoed de dei tige goed hawwe, folle better sels as in soad minsken yn myn nije lân. En de diskriminaasje is ek net mear sa't it yn it ferline wie. Der binne no moderne problemen foar yn 't plak kommen. De sânreden binne ferhurde, de auto's stowe alle kanten út, de lytse pleatsen fan heit en mem kinne gjin bestean mear ha, grutte shopping centers steane no dêr't eartiids slachterswinkels en waarme bakkers stiene, de jonge lju geane hast net mear nei tsjerke ta en guon minsken prate better Ingelsk as Frysk. Mar it feit is dat Fryslân foar my altyd it lân bliuwe sil dêr't pake en beppe en omkes en muoikes yn de grûn lizze, it lân fan sokke idyllyske berne-oantinkens as boatsjefarren en reedriden en fytstochten en doarpsfeesten en jierdeibesites, it lân mei de maitiidsroken fan kamperfoelje en toarnbeibosken en bûterblommen dy't my noch gauris op in sêfte simmerdei yn de noas komme. Fryslân sil altiten in diel fan myn libben en wêzen bliuwe. Ik bin der wis fan dat it bernelibben fan myn heitelân it folwoeksen libben fan myn twadde lân ferrike hat. En dêr bin en bliuw ik tige tankber foar.

Yn Simmer 2000 wenje myn frou en ik, deo volente, foar in moanne oan de petgatten fan De Feanhoop, yn it simmerhúske fan Rink en Mineke van der Velde. 't Is dêr tige rêstich, fier fan de stedsdrokte en it sûzjen fan de hege dyk. Dêr skowe de wite seilen stadich troch de fjilden, op wei nei de Wide le en de Pikmar. Dêr leit de natoer om je hinne as in dream. Eltse moarn as it sintsje ús wer freonlik oanlaket, sille wy mei Waling Dykstra meisjonge. En op de lange, stille skimerjûnen, as de lette fûgels har jûnsbea sjonge, sille wy grif sawat it fredich gefoel krije dat wy yn in stikje fan it paradys binne dêr't wy ús thús fiele. En dan, om de yllúzje wat oan te hâlden, sille wy de Kymgong fan Sjoerd Spanninga mar lizze litte.

Slachtekwatrinen (2) Oene Spoelstra Slachtedyk

No tûmelje wyn en weemoed oer ús hinne De lange dyk fan 't libben hat gjin ein Moarn nimme wy de lêste trein Guon farre wat of fleane earne hinne

Trotwaer. Jaargang 32 212

Willem Schoorstra Net earder as no

samar, op dizze simmerjûn, fongen yn barnstien, sjocht er troch in tear yn 'e tiid yn de eagen fan it jonkje, op sa'n selde simmerjûn, heech ûnder de balken fan it âldershûs, slûgjend yn de beslettenheid fan 'e sliepkeamer, dêr't

beret de tsjerketoer yn it iepen rut stiet, yn in rest dy't him rûnom deljûn hat; en yn dizze see fan stilte skolperje sêft de stimmen fan de heit en de mem, as in betroude brâning tsjin de muorre fan it hûs; sweve yl mar

trinten de toanen fan buorman's mûlharp troch de achtertún, beselskippe fan de lêste sinne strielen; yn dy stûne wie it sa't it wêze moast, it libben fan ivichheid wjerspegele; en net earder as no begrypt er de triennen fan doe

Trotwaer. Jaargang 32 213

Henk van der Veer Hoansdagen

su'n swoele someravond met fader en moeke foar op 't stoepke un glaske gele Exota binnen haanberyk

lache as Anne Peardsje foarbij huppelde hinnekend omdat ie docht dat ut su hoarde

in 'e ferte ut gekrijs fan 'e Wilhelminapauwen idyllys

tot oans fader sei we krije ander wear ut putsje stinkt su

de folgende morgen regende ut jonge honnen

Trotwaer. Jaargang 32 214

De Jongfryske Mienskip As in Ijochte en kleare bran, as in Maitiidfoar Fryslân Doeke Sijens

Likernôch tsien jier ha de Jongfryske idealen hûnderten minsken yn 'e besnijing hâlden. It mei dan sa wêze dat, troch de Earste Wrâldkriich, oeral yn Europa nasjonalistyske bewegingen opkamen, opmerklik is wol dat - samar ynienen liket it - yn it oars sa evenredige Fryslân in kulturele revolúsje útbruts. In soad hat fansels te krijen mei de tsjoen fan Douwe Kalma, mar dat ferklearret net alles. Oars hie safolle fan wat hy yn gong set hat, net oerlibbe. Friezen rekken besiele troch de Jongfryske tinkbylden en idealen, gienen nei gearkomsten, skreaunen sonnetten of wienen op in oare wize warber foar de beweging. Sa koe it barre, dat der yn 1920 trije Fryske wykblêden ferskynden, allegear mei entûsjaste lêzers. Wat woenen de Jongfriezen? Hoe wie it om by de Jongfriezen te hearen?

Op freed 25 july 1917 hâlde de Jongfryske Mienskip yn Snits har earste ‘lângeanne’. Meint Bottema, ien fan de oprjochters, reizge der mei de trein út syn wenplak Ljouwert hinne. Op it stasjon trof er J.P. Wiersma, lieder fan it krekt oprjochte Jongfrysk Sjongkoar. Yn 'e trein sieten ek oare koarleden en al rillegau nei't de reis út ein set wie, klonk sang troch de kûpees. It praat fan de oare reizgers, ‘det fansels oer kij en haeijinge gyng’, wie al gau stil, skreau Bottema: ‘yn de fierste ein fen de wein stienen de ljue oerein, gûds mei de mûle iepen, as koenen hja dêr ta yn better de gjalpen liet hearre, dy't boppe it dinderjen en rommeljen út, troch de doar waeiden.’ De gearkomste begûn om alve oere. Earst spruts foarsitter Piter Sipma in rede út, yn it moai fersoarge programmaboekje oankundige as in ‘Weitsrop oan Fryslân’: ‘En wy wolle net ôfbrekke, wy wolle opbouwe, it hiele Fryske hûs moat yn alles sa wer ynrjuchte en forsoarge wirde, det gjin Fries him hoecht to skamjen for syn wente.’ Bottema wie tige begeastere fan de sjongster Anneke Steensma, ‘klaeid yn de moaije kleurige klean fan Ald-Fryslân’, dy't mei pianobegelieding fan har broer, nei de weitsrop fan de foarsitter Fryske lieten song. ‘[...] wol yetris blommen oannimme nou, de roazen fen us tankberens for hwet Jou ús joun ha yn Jou sang; it wier ús in hearlik lean, mar ek as in stipe om fierder to gean op ús paed.’ Ek oan 't wurd kaam G.R. Veendorp, dy't besocht de Friezen om utens oan te fiterjen mear foar Fryslân te dwaan as ‘hwet wille siikje ûnder elkoar, in tonielstikje opfieren sjugge en hwet dounsje, né, hja moatte fierder’. De middeis gongen de Jongfriezen te silen op de Snitser Mar. Ek dan sjongt it Jongfrysk Sjongkoar. De bedoeling hie west, dat der in hurdsylderij hâlden wurde soe, mar dat wie mislearre. Op it wetter wie it lykwols sa ek moai, mei ‘[it] moaiste fen it Fryske lân fen

Trotwaer. Jaargang 32 215 mar en mieden mei beamgûd en doarpkes yn 'e fierte, fen blauwe loft en wite wolkens’. Doe werom nei Amicitia foar in ‘mienskiplik’ miel. Bottema siet neist ‘de sjongster’ Rixt, dy't bytiden noch lyrysker skriuwe koe as hysels. Hy sette de itenslist foar har op it programmaboekje: ‘sop, pastei, wetterbears of biefstik, iis en fruchten’. It lêste part fan de lângeanne waard hâlden yn 'e tún fan de Buitensocieteit, mei foardrachten fan Sjouke de Zee, nochris wer it Jongfrysk Sjongkoar en in konsert fan Symphonia. ‘De tún wier sêft-libben fen rêstich gekuijer, fen wite klean op griene paden; de suvere lûden fen muzyk en lieten dreauwen dreamend troch de tún en it reade jounsljocht kleure alles mei in teare glâns.’

Opfallende ôfwêzige op syn eigen Mienskipsdei wie Douwe Kalma. Hy wie yn ‘lântsjinst’ en hie gjin ferlof krije kinnen. Dat betsjutte lykwols net, dat men oan him foarby gie. Yn 'e moarnsgearkomste waard in telegram oan Kalma ferstjoerd en by it miel krigen de oanwêzigen de groetnis fan him werom. Yn it programmaboekje wienen tsien ‘Fryske biedwirden’ fan Kalma opnommen, in oanrikkemandaasje foar it Jongfryske libben: 1. Wêz dy sels, lit hiel dyn libben wêze in iepenbiering fen karakterfêstens en wierheitsljeafde. 2. Doch út dy wei it foaroardiel, det dy twingt de tastannen ûnsuver te sjen en dy it bitrouwen binimt. 3. Lit yn dyn siele it Frysk-eigene dije, en sterkje it soarchsum foart. 4. Haw bitrou yn de takomst fen Fryslân. 5. Earje dyn tael as de rjuchtlike prinsesse fen dyn mieden en marren. 6. Gean soarchsum nei, hwa't hjar de bêste striders for it eigen Fryske bewiizgje. 7. Jow in bytsje fen dyn stipe oan hwa't soks yn wierheit fortsjinje. 8. Efstû yn Fryslan wennest ef bûten de peallen fen ús lyts heitelân, arbeidzje mei oan de bloei fen ús blide kontrijen. 9. Astû tein bistyn 'e fremdte en dêr dyn wirk en dyn dieden dochst, biwarje dochs dyn Fryske fieling as hwet djûrs en hillichs. 10. En bring dyn bern op yn sterke Ijeafde for it Fryskeigene.

De lângeanne yn Snits wie de earste kear dat de Mienskip nei bûten ta kaam. Oardeljier dêrfoar, op 20 novimber 1915, wienen sân minsken byinoar kommen yn in sealtsje fan it Oranjehotel yn Ljouwert om de Jongfryske Mienskip op te rjochtsjen. Sa as suver altyd, hie Douwe Kalma it ek diskear systematysk oanpakt. Yn 'e krante hie er in oprop dien ta in ‘gearsit fen Jong-Friezen’, de wurklist bestie út njoggen punten, mei presys om healwei trijen skoft. Fan tefoaren hie Kalma mei R.P. Sybesma en Klaske Sipma al in konsept-karbrief opsteld, dy't yn 'e gearkomste oan 'e oarder kaam. Of de bywêzigen dy al earder tastjoerd wie, wurdt men út de notulen fan de gearkomste net gewaar. Op oanstean fan B.R.S. Pollema waard de namme Jongfryske Mienskip keazen. Kalma hie ‘Boun fen Jong Friezen’ yn gedachten hân, mar Sipma ornearre dat dan maklik betizing mooglik wie mei it Boun ‘Jong Fryslân’ en dat hie in ‘foriening fen boadskiprindersjonges’ west, ‘yn tsjinst fen it Greate Selskip en syn Haedbistjûr’.

Trotwaer. Jaargang 32 Yn it earste karbrief waard it doel fan de Mienskip beskreaun as: ‘om mei to wirkjen, det de ljuwe fen fryske stamme mear oertsjûge wirde fen hjarren bisibbens, en hjirfor warber to wêzen binammen troch de rjochten fen 'e fryske sprake to fordigenjen en earnstige oandacht oer to hawwen for de tastân fen de fryske skriftenkennisse.’

Trotwaer. Jaargang 32 216

De idealen fan oare Fryske bewegingsorganisaasjes wienen frijwat gelyk. It ferskil mei de Mienskip wie, dat dy radikale feroaringen foarstie en net de stap-foar-stap-metoade fan bygelyks it ‘Greate Selskip’. De jongerein, Kalma foarop, wie soks fierstente nuet. In oar, mooglik wichtiger ferskil wie dat in pommerant as Jan Jelles Hof yn it Frysk neat oars seach as in folkstaal, wylst Kalma it in kultuurtaal achte. Foar de mannen fan it Ald Selskip wie it Frysk in oanfolling op it Hollânsk, Kalma fûn dat it Frysk in taal wie dy't hielendal selsstannich bestean koe. Dêrom ek de klam dy't hy op it ûntwikkeling fan de literatuer lei. Foar Kalma kaam it oan op neat minder as in ‘werberte’ fan Fryslân, in echte renêssânse. Fryslân moast syn selsbewustens werom krije, ‘geastelik wer alhiel himsels’ wurde. Dêrby wie - by ekonomyske en politike faktoaren - de taal fansels it wichtichst:

Tael forlern, folk forlern - en om't ús folk net ferlern gean mei, mar de wrâld forrykje moat mei de suverens fan syn forstân en de kleare rêst fen syn fieling, moat ús sprake biwarre bliuwe oan de einichste dei. It doel fen 'e Fryske taelstriid is net de tael to rêdden as in flûnkerjende âldheid, mar om yn Fryske lûden ús folk learend lústerje to litten nei de wirden fen de Ivigens- en de Tiidsgeast.

De Mienskip woe dêromek dat it Frysk yn tsjerke brûkt waard, yn 'e rjochtseal, op skoalle, yn it mienskipslibben en yn de ‘ynwindige’ polityk: ‘It Frysk heart dos de iennichste amptlike tael fen Fryslân to wirden.’

De earste jierren bleau de Mienskip in lytste klup, om't men allinnich lid wurde koe op útnoeging fan it bestjoer. Yn 1918 waard dat loslitten en gie it tal leden daliks nei 250. Yn 1919 wienen der al mear as 700 leden. Dy groep moast yn beweging hâlden wurde, oars soe der ‘ynwindig’ neat mear te ‘bistribjen’ wêze. Reden om de Mienskip te spjalten yn kriten. Mei de ‘massa-gearkomsten en it jûchheijende feest-fortoan’, sa't Kalma it neamde, wie it doe dien. De kriten wienen in Jongfryske Mienskip ‘yn 't lyts [...] it hiele Fryske libben yn syn gebiet bifiemjend’. Kalma wie him der wol bewust fan, dat soks in swiere opdracht wie, mar hy ornearre: ‘ek it hiele minsklike libben is neat as ien striid nei foarútgong en forbettering, en ek it libben fen ús kriten scil sa wêze.’ De earste jierren wie Kalma yn de Mienskip minder prominint as wolris tocht wurdt. Dat kaam foaral om't er in grut part fan dy tiid yn tsjinst siet. Mannen as Sipma, Folkertsma en Sybesma, by wa't it nasjonalistyske elemint foarop stie, hienen ek grutte ynfloed. Fan 1919 ôf krige yn de Mienskip in mear ynternasjonalistyske streaming de oerhân en dêrnei folge in sosjalistyske koers. Sipma wie as foarsitter oan 'e kant set, Kalma sloech foar master op. Hoe't de ideology feroare docht wol bliken út de earste ‘grounslach’ fan de Mienskip yn 1922: ‘It doel fen de Jongfryske Mienskip is, aldermeast yn Frysk formidden, libjen to dwaen it ideael fen in minskheit, dy't yn broerskip en frijheit bistiet.’ Kalma beskreau it wêzen fan de Mienskip yn dy jierren as twafâldich:

Trotwaer. Jaargang 32 [...] it sjucht en neamt it Fryske folk as in egen, lytse, mar libjende en geastlike selsstannige nationaliteit mei gelikens rjucht en plicht as de oare folken fen dizze ierd, èn hja wol dizze nationaliteit, yn ôfwiking fen hast alle greater folksforbannen, tsjinstber meitsje oan de forheffing en de forútgong fen it minskdom, oande ealste en rykste bloei fen minsklike ûntjowing.

Trotwaer. Jaargang 32 217

It Jongfrysk Sjongkoar by Hylpen op 11 augustus 1918. (út Douwe Kalma, Skriuwers yn byld, nr. 5, 1996)

Op 4 augustus 1920 begûn it earste Jongfryske fakânsjekamp op it Amelân. It duorre oant tiisdei 10 augustus; 57 minsken diene mei. De tarissing wie wer tige presiis. Yn 't foar wie útrekkene hoelang't it rinnen wie fan it stasjon Holwert nei it oanlisplak fan de boat (trije kertier). Dielnimmers moasten meinimme: ‘sûkerbon, breabon, fjildflesse en breatrompke for drinken en iten op tochten ûnderweis, baeipak, as 't hwet kin de fyts’. Foarming stie dy wike foarop. De list mei aktiviteiten is ymposant. Sa gie men freedtemoarns om 10 oere nei Hollum: ‘Yn de dunen derre: Lêze út Shakespeare, Kening Lear en Midsimmernachtsdream.’ Sneintemoarns om healwei njoggenen: ‘Lêze de Berchrede. Kalma oer Kristendom, religy en libben. Sang fan koarleden.’ Rillegau kamen de oantinkens oan dit kamp op papier. Yn Frisia skreau S.D. de Jong:

[...] yette rûzet yn ús earen de ieuwen oerrûzjende sang fen de sé, yet sjugge wy him, de greate, de ûneinige foar ûs yn syn jimmerwikseljende kleur-forskaet, dy't yen dei oan dei, ûre nei ûre, amerij nei amerij wer nije skientme biedt. [...] Mei ien fen de greatste fen it kamplibben op 't Amelân west hawwe, det ús geast yndied ek ge-

Trotwaer. Jaargang 32 218

ver en ripernôch wirden is om to foldwaen oan de swiere easken dy't ús dizze dagen ôfferge wurde.

In fakânsjekamp wie ien fan de manieren om foarm te jaan oan it entûsjasme dat de Mienskip losmakke hie. Fyts- en boattochten, mar foaral leargongen en kritegearkomsten wienen bedoeld om de besieling rjochting te jaan. In krite die ferslach fan in fytstocht: ‘It waer wie moai en de dei, fol golle frjeonskip en stille blidens oer Fryslân's moaijens, scil ús ûnferjitlik wêze.’ In oare krite hie it oer in ‘moaie joun, der't wiere Jongfr. Geast hearsket’. Dat wie yn Burgum, der't de jûn begûn wie mei ‘in earnstich, ta arbeidzjen en striden oantrúnjend wird fen de foarsitter’. De earste skriftlike kursus Frysk fan it Ynstítút for Folksûntjowing hie 178 dielnimmers. De prospektus stie fol mei positive reaksjes; dy fan J. de Vries fan Rottevalle bygelyks: ‘Mei folle nocht haw ik Jim kursus folge. Nou kin ik den ús eigen moaije Fryske tael fetsoenlik skriuwe, wylst ik der oars neat fen koe.’ Reinder Brolsma, dy't him ek oansletten hie by de Mienskip, skreau oan Kalma: ‘Whent it het my oars wondere skoan foldien jister. Der siet gloede yn dy ljue. Tyd en wirk scil ik der ek graech for oer habbe.’ Anne Jousma sei dêr letter fan: ‘De kritegearkomsten wienen bjustere noflik; der waerd tige - tsjintwurdich heart men it wurd “loftfytsen” wol fallen en dat soe ik net foar myn rekken nimme wolle - tige praet oer hege idéalen foar Fryslân, dy 't wy fêst net allegearre birikt hawwe en faeks nea birikke sille.’

De Mienskip is mar in pear jier in grutte beweging bleaun. Dat koe ek net oars, soe in Jongfries skriuwe, want in blom ‘dy't sa heftich bloeit, dy bloeit koart.’ De reden foar it ôftakjen fan de Mienskip wurdt faak socht by de koerswikselingen fan Kalma. Wier is, dat it sosjalisme de measten fan syn folgelingen te fier gie. In reden sil ek west hawwe, dat men no ienkear mar in skoftsje fûl entûsjast bliuwe kin, ear't it realisme werom komt. Want hoe't men ek ‘arbeide’, folle feroare der noch net yn de situaasje fan it Frysk en de posysje fan Fryslân. In skoftlang hie Kalma mei syn besieling en radikalens Jongfriezen de hoop jûn dat it harren wol yn koarte tiid slagje soe. Mei't it besef dat alles fierhinne in dream bliuwe soe, kaam ek de ôfwizing fan de man, dy't harren safolle tasein hie. By it ferrinnen fan de Mienskip hat sûnder mis net swak byspile, dat der nochal wat fan de leden ferwachte waard. Kalma hie alris warskôge: ‘It Jongfryske ideael jowt gjin aerdige jounen.’ Alle wiken wienen der wol aktiviteiten, dêr't ek wer ferslaggen fan makke wurde moasten. Sa waard op in ‘húsh. Gearkomste’ yn Dokkum op 16 septimber 1920 ‘folle preat oer de hâlding fen de krite yn it Mienskips-forbân [...]. Fierder in lezing fan de hr. Sipma oer: “De wie nei in bettere wrâld”.’ Rillegau komme berjochten as: ‘binne troch forhúzjen en bitankjen de lêste tiid gâns leden kwytrekke’. Begûn de Mienskip yn 1921 mei 537 leden, oan 'e ein fan it jier wienen dat der noch 372.

‘Wolle wy goede Jong-Friezen wêze, gjin etiket Jong-Friezen [...], den moatte wy it ideael klear sjen, wy moatte it bilibje eltse dei wer, wy moatte ús ien fiele mei dat greate, dat moaije, dêr't wy for arbeidzje wolle, yn hwaens tsjinst wy it bêste, dat der yn ús libbet, stelle wolle.’

Trotwaer. Jaargang 32 Dat hâlde Lokke Kerkhof de Jongfriezen foar, op in moandeitemoarn yn 1920 yn 'e dunen fan It Amelân. Dy moarns sil elkenien mei ynstimming nei har harke ha. Men sil der doe

Trotwaer. Jaargang 32 219 net oan tocht hawwe dat alles, werom yn it rûzige, deistige libben, net mear wêze soe as in eilânidylle. Ek net doe't se sei: ‘As wy oan de ein fen ús libben stean en wy sjugge de útkomst fen ús stribjen, det wy de wrâld neijer oan de folmakking brocht hawwe, den kinne wy tinke, troch ús arbeidzjen is it paed sljuchte nei in wrâld dêr 't alle minsken as minsken yn libje kinne yn de heechste bitsjutting.’

Boarnen

Baersma, M. [ps. fan M.H. Bottema], ‘Us lângeanne’. Byblêd fan Frisia 1 (1917), VIII. Brolsma, R. Brief oan Douwe Kalma, 31 desimber 1916. [FLMD] Douwe Kalma (1896-1953). Skriuwers yn byld 5. Ljouwert, 1996. Frisia 4 (1920), rubryk ‘Forieningslibben’. Fryslân foar de Friezen! De begjinselbrieven fen de Mienskip. Snits, 1916. It nije Fryslân. Begjinsel, stribjen, wirk en organisaesje fen de Jongfryske Mienskip. Dokkum, 1922. Jousma, A. ‘Fryslâns Brulloftsdei’. Yn: Lyts Frisia 20 (1971), 1-5 (jannewaris-maaie). Kalma, D. Nij libben. In wird bij de oprjuchtingfen de Mienskipskriten. Snits, 1919. (Pompeblêdrige 11) Kalma, D. ‘20 novimber 1915’. Yn: De Nije Mienskip IV (1925), 12 (desimber). Kerkhof, L. ‘Plichten as Mienskipsstrider’, taspraak hâlden op 7 augustus 1920, opnommen yn: Frisia 4 (1920), 14 en 21 augustus. Lângeanne fen de Jongfryske Mienskip to Snits de 25ste July 1917. [Snits, Osinga, 1917]. Oanteikenings Algemiene Gearkomsten I fan de Jongfryske Mienskip [FLMD].

Driigjende ferearming, in foarsizzing út 1948

Het is bekend: nadat het vogelflappen practisch onmogelijk is gemaakt, worden er thans aan het eierzoeken belemmeringen in de weg gelegd. Het blijkt in deze dagen geregeld voor te komen, dat iemand, die geen schriftelijke vergunning van de landeigenaren in zijn zak heeft, bekeurd wordt, wanneer hij in het veld loopt te eierzoeken. Een systeem dat, wanneer 't wordt doorgevoerd, weer een van eigenheden ten dode zal doemen, dat het leven nog weer kaler en kleurlozer zal maken, dat de politieman en de ambtenaar in hun dictatoriale positie zal versterken. Het gaat niet alleen om het eierzoeken, wanneer we tegen deze praktijk protesteren, evenmin als het ons alleen om het tipeljen of het vogelflappen zou gaan. Het gaat om het algemene beginsel, dat achter al deze beteugelingen en omheiningen en inperkingen ligt: de nivellering, die het volk tot massa maakt, de verwettelijking die het spontane volksleven doodt, de centralisering die alleen maar rekening houdt met algemene gegevens, door specialiteiten verzameld en in schriftelijke statistieken vastgelegd.

Trotwaer. Jaargang 32 Wanneer we op deze wijze doorgaan, is er over een halve eeuw niets eigens en organisch meer in het volksleven over. En dan zal de overheid met de wrange vruchten zitten: Een volksmassa, die alleen haar instincten maar kan uitleven en die daarom door een steeds strenger dictatuur in bedwang gehouden moet worden. P. [Jan Piebenga] yn de Ljouwerter Krante fan 2 april 1948.

Trotwaer. Jaargang 32 220

Fryslân yn 'e efterútspegel Ulke Brolsma

As ik oer de Ofslútdyk ryd mei Fryslân yn de efterútspegel, is dat myn idylle? Miskien wol. It lân leit der rêstich hinne. Grien, wiid en blauwe loften. De ienige soargen dy't men dêr hat, sa liket it hjir yn Hollân, binne guon froulju dy't mei harren Fryske kostúms yn it Frysk Museum bliuwe wolle. Wat in lân! Werom nei dy idylle? Nee, nei tritich jier frjemd gean, giet de ferhúswein perfoarst net rjochting Stiennen Man. Hoewol, in minske kin nea wite. Ja, ik hâld mar efkes in slach om 'e earm. As gemeentlik foarljochter binne je dat sa wend. In beropssykte.

Fryslân is it lân dat foar my earne in de fierte skimert. Sa as je, op wei nei de famylje, Fryslân op de Ofslútdyk op je takommen sjogge. Dat lytse strypke lân, de seedyk, dy't krekt boppen de kimen út komt. It lân is fierwei, mar it is der altyd. Mear as tritich jier ferlyn bin ik wei tean út Grou. Fuort by ús toer, ús mar en ús piip (dy wie der doe noch). As ik dan weromkom, kinne je skrieme oer wat er feroare is. Sa as dêr op sommige plakke tahâlden is. Mar dan wurdt dit sa'n nostalgysk ferhaal, sa yn 'e trant fan doe wie alles moaier, better. En dat is in sykte foar degenerearre âlden fan dagen. Wie Fryslân tritich jier lyn in idylle? Je hiene yn alle gefallen Piebenga, dy't ús yn 'e Ljouwerter learde hoe't we tinke moasten. Fedde Schurer, dy't ús yn de Fryske Koerier alle dagen in spjalte lang witte liet hoe't de wrâld der by stie. En Frou Faber-Hornstra, dy't it bewâld hie oer de kultuer. Fryslân wie sa oersichtlik. Liket my no... Ik fûn Fryslân doe net in idylle. It wie der near. It libjen op in doarp is foar guon misken prachtich. Dy beslettenheid, dat mei-elkoar, wat je yn Grou sterk hiene. Mar in doarp kin ek benaud wêze, it gekeakel, de praatsjes, de kontrôle. Doe't ik ferfear, wie dat mei blidens. Ik tocht dat it bûten de Fryske grinzen allegearre oars wêze soe, better ek. Dat it bûten Fryslân gjin paradys wêze soe, hie ik yn it foarút ek wol tocht. No wyt ik dat mei wissichheid. En de Fryske literatuer, ha ik dy mist? Gjin tel. It lêste boek dat ik kocht, wie Minskrotten/Rotminsken. Jierren hat dat en in lyts rigeltsje oare Fryske boeken yn 'e kast stien. Myn Roemeenske frou hie ek sa'n plankje mei de Roemeenske grutten. Der kamen hieltyd mear boeken by, gjin Fryske. En ek gjin Roemeenske. De ôfstân fan Fryslân en Roemenie like hieltyd grutter te wurden. By eltse ferhuzing waard it tal Friezen en Roemenen lytser. En wy binne faak ferhuze. Wat ik sa út en troch dochs noch wolris lies, dêr foel my de bek ek net fan iepen. Je hiene dochs in pake dy't yn it Frysk skreau en in heit dy't ek aardich wat ferhalen en trije romans op de wrâld brocht? Dêr wie ik ek grutsk op. Pake wie ommers in ferneamd skriuwer. No ja, dy priis yn de oarloch, dat wie net syn bêste set. Mar ferneamd en bekend dat wol, tocht ik. De ferkeapsifers fan Grûn en minsken yn 'e rige Fryske Klassiken wize oars. De Friezen binne net yn kloften nei de boek-

Trotwaer. Jaargang 32 221 hannel stoarme om dizze Brolsma yn 'e hûs te slepen. Tempi passati. In pear jier lyn lies ik dat by ‘ús yn Amsterdam’ in Fryske jûn hâlden waard. Yn de Balie. Dan fiel je dochs wat, sa yn 'e geast fan: dat kin ik dochs net misse, ferdomme. Dus dêr hinne om te hearren wat de Fryske dichters allegearre opsmite koene. De seal siet fol mei miskien itselde soarte Friezen as ik. Je binne dan wol net mear bewenner fan it bêste lân fan ierde, mar je stoarmje wol mei syn allen nei sa'n jûn. Doe kaam Doeke Sijens lâns mei myn pake op syn rêch. Hy woe in biografy skriuwe. Dat waard dochs in konfrontaasje mei dat ferline, mei dy stille, âlde man, dêr yn Goutum. Oardeljier lyn bin ik ek begûn te skriuwen: fiksje, ferhalen. Yn it Frysk, jawol. It begjint te lûken, Fryslân. Krekt as dy seedyk, dy't hieltyd heger boppe de kimen út begjint te stekken as je op wei binne nei Koarnwerter Sân.

Ik bin net hielendal los fan it Heitelân. Hielendal net, einliks. Ik merk dat ik sneins om ien oere nei de Fryske Televyzje sjoch. Soms is it ûnbenul, faak is it dochs nijsgjirrich. Mar wêr giet it my om? Gewoan harkje nei it Frysk. De fertroude lûden, soms docht it der dan al net iens safolle ta wat der sein wurdt. It moaiste fan besites oan Fryslân? Noflik yn de eigen taal knauwe. It docht mye wat. Dat is myn lytse idylle. En fierders? Fryslân is en bliuwt in dream.

Slachtekwatrinen (3)

Jan Dotinga

Slachtefers

Do wolst de wurden oarderje ta daam En taast en tiist, do tilst en dochst in raam In lyts hâldfêst, in útsjoch ta besinnen Is dat net watst begearst en dêrst om wraamst?

Sjoerd Palstra

Myn Slachtedyk, kear tsjin wetter oer de flierren ferpyldere tusken stêd en lân, ta stipe, skyld en fredesbân fan polderdiken út in trits fan jierren.

Trotwaer. Jaargang 32 222

De nachtmerje fan de FNP: Gina! Je was geweldig! Piet Hemminga

Elke politike partij hat syn dreamen en winsken. Wat binne dy fan de Fryske Nasjonale Partij? En wat is der nei sa'n fjirtich jier fan dy dreamen útkommen? Binne de dreamen net ta in nachtmerje ferwurden? Mar wêrom dêr lang by stil te stean? It giet dochs geweldich?

Corry en Teddy

Yn de fyftiger jierren wie de earmoed yn dit lân noch sa grut, dat Corry Brokken mar leafst fjouwer kear efter elkoar, en mei wikseljend sukses, oan it Eurovisie-sjongfestival dielnimme moast. Oare sjongsters hie Nederlân doe, sa flak nei de oarloch, noch net. Corry begûn yn 1956 mei in prachtich, mar letter fergetten liet ‘Voorgoed voorbij’. It wie ek net wier, wat se doe song, want se begûn pas. It oare jier wie se al wer fan de partij, no mei ‘Net als toen’. Dat wie ek net wier, want oars as it jier dêrfoar, wûn se no de priis. Doe waard se oermoedich, en miende de hiele wrâld oan te kinnen. Mar de wrâld die net mei en liet har ‘Heel de wereld’ linkslizze. Doe noch ien kear en dêrnei wie it foargoed foarby. Nea song Corry wer op it Eurovisie-songfestival. De beskieden Teddy Scholten naam de fakkel oer en soe fuortendaliks winne. Dyjingen dy't it meimakke hawwe, kinne har ‘Een beetje’ noch meisjonge. Teddy hat letter nea wer wat fan har hearre litten en ik bin it sicht op it frijwat nearzige en bot opblaasde glitterbarren kwytrekke. Oant foar twa jier, doe't de gemeente Ljouwert yn it ramt fan har taalbelied ynienen nije kânsen seach. Wêrom it Eurovisiesjongfestival net brûkt om stêd en gemeente mei in Frysktalich liet op de kaart te setten? It sjongfestival as pearel yn de kroan fan it taalbelied!

In nije politike partij: de fnp

It Eurovisie-sjongfestival stie begjin sechstiger jierren noch yn de berneskuon, doe't twa jongkeardels yn Fryslân, Folkert Binnema en Pyt Kramer, de foarstap ta in nije politike partij namen. Se fûnen dat nei alle praat en skriuwerij, mar ris aksje komme moast. Sintraal yn har plannen stie it realisearjen fan selsbestjoer foar Fryslân. Dat wie doe in hot item. Yn De Stiennen Man fan novimber 1960 skreaunen Jan van der Burg, Tony Feitsma en Frank Hettema:

As partij, fakferiening of oare maatskiplike organisaasje it eigen Fryske lûd net ferneare kin, ynsafier't dat net lykop giet mei it partij- of ferieningsbelang, dan moat it lanlik ferbrutsen en in eigen gewestlik ferbân socht wurde. Besteande apart Fryske organisaasjes meie har selsstanningens net opofferje oan it lanlik ferbân. Tefolle oriïntaasje fan organisaasjes op

Trotwaer. Jaargang 32 it Westen wurket ek wer sintralisaasje yn de hân en fersmoart regionale ynisjativen en eigen fisy. Der moat stribbe wurde nei Frysk-sinnige kearnen yn partijpolityk ferbân: as dat net kin of te min fertuten docht moat de mooglikheid fan in eigen Fryske partij ûnder eagen sjoen wurde. Sa'n partij soe allin-

Trotwaer. Jaargang 32 223

nich al as presjegroep fan belang wêze, ek al soe ynearsten de oanhing noch net grut wêze.

In pear moanne letter skreau Pyt Kramer yn itselde blêdsje:

De nije wei hâldt yn dat der in eigen Fryske partij komme moat. Sa't it no is dan moat men wol de yndruk krije dat alles yn de spinreagen fêstrint. Wy moatte net ferwachtsje dat sa'n Fryske nasjonale partij in geweldich tal stimmen krije sil, wy meie al bliid wêze as wy ien sit yn provinsjale steaten krije. Mar ien sa'n steatelid kin al in geweldige ynfloed útoefenje, want hy is stimd om de nasjonale belangen fan it Fryske folk te ferdigenjen.

Trije moanne letter skreau Kramer jitris yn De Stiennen Man oer it belang fan in nije partij:

It hoecht dan ek net iens in grutte groep te wêzen om in flinke ynfloed op de gong fan saken hawwe te kinnen, om alteast de hjoeddeiske bestjoering op it Fryske mêd te ferdriuwen. Sa'n Fryske nasjonale partij sil sizze kinne moatte: ‘De Lauwerssee moat ticht!’ ‘Der moat in Fryske universiteit komme!’ ‘Der moatte mear wenten komme!’ [...] wy binne ALLINNE in Fryske partij en wy sille soargje dat alles der komt as Jimme, Fryske kiezers, ús dêrta it mandaat jouwe. En wy sille boppedat soargje dat dy universiteit Frysk wêze sil, dat de yndustrialisaasje better oanpakt wurde sil en better oanpast op it Fryske libben!

Sok skriuwen lit sjen dat it wollen foarearst grutter as it kinnen is, en dat it jeugdich fjoer it fan de werklikheidssin wint, mar dat nimt net wei dat Kramer docht wat oaren neilitte: hy rjochtet, ta spyt fan lju as Jelle Brouwer en Fedde Schurer, de FNP op. De lêste seit yn De Strikel dat as men fan it spyljen noch gjin aan hat, men gjin konserten jaan moat, wylst as men neat te sizzen hat, men wit dat men swije moat. Net hielendal sûnder rjocht, om't it noch efkes duorje soe ear't de partij organisatoarysk en programmatysk de fuotten ûnder it gat krije soe.

It earste fnp-program

De nije partij moat de steateferkiezings fan 1962 noch fersitte, mar komt dêrnei, yn 1966 mei ien lid yn de Fryske Steaten: Jan Bearn Singelsma dy't it tolve jier yn dat fermidden folhâlde soe. Wêr giet it om yn it earste program fan de nije partij? Foar hokfoar dream en winsken sit Jan Bearn yn de Steaten? Yn it foarste plak seit de partij mei gauwens in ein meitsje te wollen oan twa - histoarysk groeide - misstannen. Dat is oan de iene kant it feit dat it Ryk, sûnder de Friezen dêr yn te kennen, op hast alle gebieten besluten oer de Friezen nimt. Oan de oare kant is dat de twadderangs-posysje dy't it Frysk yn Fryslân noch altiten ynnimt. Yn konkreto wol de FNP dat de Steaten, lykas de Fryske gemeenterieden, en op dit stuit wer hielendal aktueel, sels har eigen foarsitter kieze. En fierder kriget de Provinsje, as de FNP it foar it sizzen hat, it frij om har eigen belestingen heffe te

Trotwaer. Jaargang 32 kinnen. Ik mei oannimme dat de skriuwers fan it partijprogram de ryksbelestingen tagelyk ôfskaffe wolle, mar dat wurdt net mei safolle wurden sein. Mooglik is it ek wol it doel om de Friezen mear belesting betelje te litten as de ynwenners fan bygelyks Drinte of Grinslân. Provinsje en gemeenten moatte fierder in aktive taalpolityk fiere, dêr't it Ryk in bysûndere útkearing foar jaan moat. Alle oerheidspersoniel moat him - mûnling en skriftlik - goed mei it Frysk rêde kinne. De Provinsje moat ek it foech oer de ynrjochting fan it ûnderwiis yn Fryslân krije. It ûnderwiis moat op de Fryske situaasje oanslute en tefoaren komme dat Fryslân yn twa inoar frjemde kultuersfearen útin-

Trotwaer. Jaargang 32 224 oar falt. De learlingen sille dêrom oplaat wurde moatte ta in goede kennis fan beide talen. Binnen trije jier moat der in Frysktalige radio- en tv-organisaasje komme dy't op syn minst fiif oeren en ien nijsútstjoering deis mei radio yn de loft is. Dêrnjonken moatte op syn minst tsien oeren en twa sjoernalen wyks Frysktalige televyzje komme. Soks kin, neffens de FNP, betelle wurde út de hark- en sjochjilden dy't yn Fryslân opbrocht wurde. It partijprogram seit fierder dat it lânskip net skeind wurde mei, dat minsken yn har eigen streek wurk en brea jûn wurde moat, dat ek stipelearjende maatregels foar lytsere yndustryplakken nedich binne en it sûne boerebedriuw in goede bêsteansmooglikheid oan boer en lânarbeider jaan moatte sil. It is dúdlik dat it grutste part fan de FNP-dreamen en winsken oant de dei fan hjoed net útkommen is, of, lykas yn it gefal fan de Fryske radio en televyzje, earst folle letter realisearre is. Yn 1972 komt in ryksbydrage foar de Fryske taal en kultuer, acht jier letter wurdt it ûnderwiis fan it Frysk in ferplichte skoalfak en yn de rin fan de jierren is fierder in earste oanset ta provinsjale belestingen yn de foarm fan in provinsjale opslach op de wegebelesting realisearre. Ek kaam der in provinsjale opslach op de lanlike hark- en sjochjilden, mar ik wit net at dat wol oan de FNP-ambysjes foldie. De Provinsje is noch altiten en yn syn hiele hear en fear in diel fan it Nederlânske steatsbestel. Kommissarissen en boargemasters binne ryksbeneamings. Oer it ûnderwiis hat de Provinsje neat te sizzen, en sa kin fan mear sein wurde dat de partij har doelen noch net oer alle einen en kanten berikt hat. It is net sa maklik om nei te gean wat de ynfloed fan de FNP yn de rin fan de jierren op it provinsjale en gemeentlike belied krekt west hat. It soe goed wêze om dêr nochris nei te sjen, mar los dêrfan stiet it fêst dat it sukses in soad heiten en memmen hat en dat jildt ek as it om it provinsjaal (taal)belied giet. Mar goed, ik haw it hjir allinne noch mar oer it earste program fan de jonge partij, dy't boppedat sûnt 1966 noch mar ien fertsjinwurdiger yn de Steaten hie. Dy soe boppedat al gau gewaar wurde dat Pyt Kramer syn tinken oer de ynfloed fan mar ien fertsjintwurdiger yn de Steaten op syn minst optimistysk neamd wurde kin. Lit ik net by de begjinjierren stean bliuwe, mar ek nochris wat minder fier yn de tiid werom gean, as it om de dreamen fan de FNP giet.

It fnp-program 1995-1999

Noch altiten hinget de FNP har earste by it oprjochtsjen fêststelde útgongspunt fan in federale en demokratyske steatsopbou oan. Fryslân heart in autonome regio yn Europeesk ferbân te wurden, sa seit it program, sûnder dat dudlik makke wurdt wat soks krekt betsjut. Blykber giet it om mear as in autonome regio yn Nederlân. Wolle de FNP-ers fan Den Haach ôf? Nee, want as it om Fryske radio en tv giet, moat it Ryk meibetelje. En al earder hat it partijprogram it oer desintralisaasje fan foech, taken en middels, wylst it Ryk tagelyk de lykweardigens fan Frysk en Hollânsk yn wetten fêstlizze moat. It is út steatskundich sicht ek bûtengewoan nijsgjirrich om Provinsjale Steaten sizzenskip te jaan oer it taalbelied fan de ryksoerheid.

Trotwaer. Jaargang 32 No is it my net dúdlik wat yn dit ferbân mei ‘sizzenskip’ bedoeld wurdt, mar grif mear as in middei ynspraak yn ryksplannen. Boppedat moat it ûnderwiis yn Fryslân ûnder foech en tafersjoch fan de Provinsje komme. De skoallen yn de lytsere kearnen moatte oerein holden wurde. En it Frysk kriget in ‘yntegraal’ plak yn de ûnderwiisprograms fan basisskoalle oant en mei heger ûnderwiis. Dat is wol hiel wat oars as it Jan Poepsplak fan earder en tsjintwurdich.

Trotwaer. Jaargang 32 225

Mar wat betsjut soks feitlik? Sille tenei troch de Provinsje oanstelde en betelle provinsjale ûnderwiisynspekteurs neigean wat de kwaliteit fan it ûnderwiisoanbod is? Wurde tenei alle fakken yn fuortset en heger ûnderwiis troch Frysktalige dosinten yn it Frysk jûn? Wêr komme dy dosinten wei, en wêr bliuwe dy fan tsjintwurdich? Of betsjut yntegraal hiel wat oars? Omrop Fryslân moat alle dagen mei in folweardich program op de televyzje komme, sa seit de FNP. Dat sil noch net tafalle, as nei it hjoeddeiske en fierdere oanbod sjoen wurdt, mar allinne it stribjen is fansels ek al moai. Lit ik nei in hiel oar mêd, dat fan de romtelike oardering, sjen. It partijprogram seit dat foarsjennings lykas skoalle, postkantoar en âldereinhúsfêsting en - soarch foar de lytse kearnen beholden wurde moatte, of, as dy der noch net binne, komme moatte. Op lytse doarpen moat fierder wentebou mooglik wêze, lykas lytsskalige bedriuwen en toeristyske foarsjennings. Tagelyk wol de FNP it lânskip en de griene romte behâlde. Grutskalige rekreaasjeprojekten, rekreaasjewenprojekten by doarpen en eksklusive wendoarpen yn it bûtengebiet binne tenei ferbean. Bedriuwsterreinen meie allinne komme dêr't de ynfrastruktuer fan wegen, spoar, kanalen en liedingen al oanwêzich is. Dat is allegearre te begripen, mar it is net dúdlik hoe't it iene him mei it oare ferhâldt. Kinne doarpen groeie en de griene romte tagelyk beholden bliuwe? Mei de wurkgelegenheid allinne yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits of Frjentsjer en Harns groeie, wylst de ynwenners fan de lytse doarpen it wurk by hûs hâlde of krije? De FNP hat it benammen oer de skaal fan wenplakken, foarsjennings en wurkgelegenheid, mar wêr begjint de lytse skaal en hâldt de grutte skaal op? Hâlde Goaiïngaryp en Hitsum har skoalle, krije Langsweagen en Skarsterbrêge har postkantoar werom en falt Drachten bûten de prizen as it om in bedriuwsterrein giet?

De fnp-dream

As op grûn fan it earste en ien nei lêste partijprogram de dream fan de FNP beskreaun wurde moat, dan kin sein wurde dat Fryslân, soe de FNP it yn 1962 werklik foar it sizzen krigen hawwe, der grif oars útsjoen hie as at hjoed de dei it gefal is. As de Provinsje dan boppedat justjes sterker as de maatskiplike krêften wêze soe, dan nim ik oan dat Fryslân yn dat gefal folle mear as no, op it Fryslân fan de fyftiger jierren lykje soe. Doarpen yn de fleur, rûnom noch lytse skoallen, hjir en der in doarpssmid en waarme doarpsbakkers by de fleet, Ljouwert de ûnbetwistbere haadstêd fan in Fryskpratende, griene en foaral agraryske provinsje. De Provinsje soe binnen it Nederlânske steatsbestel in hiel eigen plak ynnimme, foar safier't Fryslân him op alderhanne mêd al net fan it fierdere Nederlânske bestel losmakke hie. It Frysk soe fierder it plak fan it Nederlânsk yn de skoalle oernommen hawwe, boargemasters soenen tenei op har Frysksinnigens hifke en troch de gemeenteried beneamd wurde en yn de romtelike oardering soe de klam op it oerein hâlden fan de lytste en lytse doarpen lizze. Boppedat ride yn Fryslân hiel wat minder auto's as tsjintwurdich, en tagelyk binne aardich mear bussen op 'en paad. Soks kostet fansels ien en oar, mar lokkich soe de Provinsje yn dy opset har eigen belestingen oplizze, wylst de ynkomsten út it ierdgas ek foar in part of hielendal yn

Trotwaer. Jaargang 32 de provinsjale kas komme. At dat genôch wêze soe? At de wolfeart lyk oan dy fan no wêze soe, of mooglik better of krekt minder? It Frysk Nasjonaal Planburo soe it allegearre troch- en útrekkenje

Trotwaer. Jaargang 32 226 moatte, dat wy sille it net witte. It provinsjale ynwennertal soe grif in stik leger wêze as tsjintwurdich it gefal is en alles wat in te grutte skaal hawwe soe, is ûnderwilens nei bûten Fryslân ferfearn. It ferlet fan Fryske media soe sa grut wêze dat de Ljouwerter noch mar liif persint fan syn redaksjonele kolommen yn it Hollânsk skriuwt, Frysk en Frij florearret en de Libelle en Margriet ûnderwilens alle wiken mei in Frysktalige ferzje útkomme. Sels de kommersjele omrop soe it yn Fryslân tenei yn it Frysk dwaan. En it ûnderwiis is in lyts wûnder, alle âlden steane der op dat har bern njonken it Frysk ek Hollânsk leare. It is dúdlik: de werklikheid sjocht der justjes oars út. Fryslân ferstedsket, sawol romtelik, sosjaal, ekonomysk as kultureel, noch hieltiten fierder. Op guon plakken groeie de doarpen oan elkoar fêst en ferdwynt it iepen lânskip. Yn it hege noarden is gjin salve oan de takomst fan de lytse doarpen te striken. Hûzen steane leech en it jongfolk wol der net langer hinne. De FNP hat net ien lid yn de Steaten, mar kin syn lûd tsjintwurdich út fjouwer mûlen hearre litte. Dochs helpt dat net. Ommers, noch altiten hat it provinsjaal bestjoer net it measte te sizzen en boppedat is de Provinsje noch altiten en foar it grutste part útfierder fan ryksbelied. It tal gemeenten is tsjin it sin fan de FNP lytser wurden. De gemeenten tinke boppedat dat it Frysk in sûne ekonomyske ûntwikkeling keart. Neat is suver sa slim as ientalich Fryske nammen foar doarpen en gemeente. En it gas wurdt hurd ûnder fersakjend Fryslân weihelle, wylst de Friezen har oan it Arnhimske NUON blaubetelje oan enerzjykosten. Oan de Burgumer Mar stiet in sintrale, dêr't it net langer fan dúdlik is wa't de eigner is. Friesche Mij, FRS, Kondins en CAF binne ferdwûn en de boeren wurde noch hieltiten grutter. In folslein Frysktalich doarp bestiet net mear. It Frysk is yn it basisûnderwiis dan wol ferplichte, mar de praktyk hat in soad mooglikheden om dêr net it measte oan te dwaan. En it Mienskiplik Sintrum foar Skoallebegeliedingstsjinsten is ûnderwilens GCO fryslân wurden: ‘partner in educatieve dienstverlening’. Och, wat leit it lân der in ein oars hinne, as yn de dream fan de FNP. Yn stee fan it útkommen fan dy dream, giet it winliken om in nachtmerje. Mar wêrom dêr lang by stil te stean? It giet dochs geweldich? Foar it earst yn de skiednis wie, hoe is it mooglik, in Frysktalige ‘ballad’ op it nasjonale sjongfestival te hearren. Is dat net geweldich?

Gina! Je was geweldig!

Op snein 27 febrewaris 2000 wie it safier: in super stralende en folslein lokkige Gina de Wit nimt, neidat se har liet ‘Hjir is it begjin’ op it nasjonaal sjongfestival hearre litten hat, de lokwinsken fan it mei nei Rotterdam reizge Ljouwerter Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders yn ûntfangst. De boargemaster is út de skroeven. It koe werklik net better. Us Gina fiifde by it nasjonale songfestival. Fantastysk, en wat in bydrage oan de Fryske taal. Sawol Ljouwert as it Frysk binne no foargoed op de kaart set. Wethâlder Arno Brok glimket lykas altiten. ‘Ik bin echt tefreden’, sa seit Arno, ‘it wie de bedoeling fan de gemeente om mei de haadstêd fan in twatalich gebiet op in leuke manier yn it nijs te kommen.’ En boargemaster Van Maaren wit

Trotwaer. Jaargang 32 net hoe hurd as se by de Fryske topstjer komme moat: ‘Gina! Je was geweldig!’ Sa't de priissjongster sels ek al sei: ‘Ik deed het goed.’ Yndied, Gina die it geweldich. Mear as dat, it wie gewoanwei fantastysk: in pearel yn de kroan fan it taalbelied. Wat spitich dat dy pearel, deselde deis noch, as in dream efter de kimen fan de werklikheid ferdwûn...

Trotwaer. Jaargang 32 227

Albertina Soepboer Jus Municipale Frisonum

Yn it ferline kaamst sa dizze wrâld yn: stôkneaken en hûsleas wiesto doe noch, ûnjierrich hymjend yn tsjustere nevel nacht sochten de wolven beskûl yn 'e holle beam, beseagen se dy mei de kop út de wyn wei hongerich en do begûnst te skriemen.

Dat wie dyn taal, letter, doest dy dat ferhaal noch te binnen bringe koest dat heit beslein wie mei de fjouwer spikers ûnder ikenhout, ûnder ierde besletten.

Do soest it wurd foar wurd optekenje, oerlitte as in paadwizer nei ús no ta, dêr't ik stôkneaken en hûsleas de wrâld ynrûgele bin en sykje om in helder skrift, wylst de doarren yn 'e dreamsiel wapperje, goar beskildere, ik mei de boadskiptas troch de greiden flean, griene tsiis deryn, droege woarsten út in smoarge w.c. draaie, ús deminte muoike einleas sûkerbôle smart en myn frijer mei it ljochte hier en de poalsee eagen in nuver skaad fan himsels wurden is.

Moarns soe ik skrieme wolle om 'e nachtmerje as dat ûnjierrige bern doe, mar in pin wachtet en ik sil betinke moatte hoe't wy it erfdiel fan mem altyd wer ferpâne en ferkocht hawwe.

De grize tiden sille oan flarden falle op skerp omline papier, yn slingerjende strofen as langferwachte paadwizers, no't bûten de ikebeam yn 'e folle bloei pronket en syn nije hannen op myn skouders leit oant alle wrâlden hierskerp trochkomme.

Trotwaer. Jaargang 32 228

Tytsy Willemsma: ‘It giet net om it Frysk, mar it giet yn it Frysk’ Jitske Kingma

Se wol net in soarte fan ikoan wurde of in stimpel op krije fan in jonge Fries, dy't blyn fjochtet foar de taal en kultuer. Dat Trotwaer in jonge Fries socht en doe by har útkaam, se fynt it eins mar neat. It Frysk is foar Tytsy Willemsma (29) eat fanselssprekkends. Krekt sa normaal as sykheljen. As se praat, docht se dat yn it Frysk. As se skriuwt, skriuwt se Frysk. Har antwurdapparaat sprekt se yn it Frysk yn. Se tinkt, dreamt en hat leaf yn 't Frysk. Mar as dat blykber bysûnder is, komt de gedachte oan in reservaat op, in reservaat fan in lyts groepke dat fjochtet foar wat in ferlerne saak liket, mar it net is, fynt se.

In reservaat

Tytsy Willemsma: ‘Gauris is it bewustwêzen fan it Frysk der net út himsels. By my tafallich wol. Ik kom út in Frysksinnige húshâlding. Dêr hie ik my ek tsjin fersette kind, mar dat is net gebeurd. Doe't ik sechstjin wie haw ik in moeting meimakke yn Switserlân, fan allegear minsken út minderheidstaalgebieten. Ik fûn dat geweldich. It joech my in gefoel fan werkenning, de erfaring diel út te meitsjen fan in taalminderheid. Wy wisten yntuïtyf dat wy it oer itselde hiene.’ Tytsy Willemsma fynt, dat je al hiel gau in stimpel opplakt krije as je je foar it Frysk ynsette of as je allinne mar folhâlde Frysk te praten dêr't oaren har - gauris sûnder reden - ferbrekke. Tytsy: ‘It is net in grutte klup. Minsken dy't har mûle yn 't Frysk iependogge, hearre gau as fansels ek ta dy klup of wurde ta dy klup rekkene. Ik fyn dat in inge gedachte. Krekt as hearre je dan ta in reservaat. Yn sa'n reservaat moat it Frysk keunstmjittich yn stân hâlden wurde. Dat gebeurt no faak al, dat der keunstmjittich in stik bewustwurding kreëard wurde moat. Ik fyn dat spitich. It soe moaier wêze as minsken dat út harsels hiene. No is it sa, dat je samar in stânfries of in beweger binne as je je posityf oer it Frysk útlitte. Dat mei net. Je moatte altyd wat foarsichtich wêze, net te fel, net te raar. Ik fiel my gjin stânfries. Mar ik wit, dat oaren my faak wol as djipfries sjogge. Mar dêr giet it my net om. Dat ik Frysk praat is foar my fanselssprekkend. En sa bin ik út mysels in beweger.’ Se fielt har troch de wolris wat negative hâlding foar it Frysk oer remme om harsels te wêzen. ‘Der sit yn dy sin in ûnderdrukking op it Frysk. Mar je wurde fuort as fel sjoen as je dêr wat oer sizze.’

Jesels wêze kinne

Tytsy Willemsma wurket as kommunikaasjemeiwurkster by it CJIB (Centraal Justitieel Incasso Bureau) en is projektlieder corporate identity (ci). De ci is it ûnderwerp dêr't

Trotwaer. Jaargang 32 de identiteit by nei foaren komt. Hoe is je bedriuw, hoe wolle je dat it nei bûten komt. En dêrby is it plak dêr't sa'n buro stiet fansels ek fan belang.

Trotwaer. Jaargang 32 229

Tytsy: ‘Ik haw it der wolris mei in kollega oer hân, of it CJIB ek in hiel oare ynstelling wêze soe as it bygelyks yn 'e Rânestêd stean soe. Soe it dan like súksesfol wêze? Minsken steane hjir bekend as soarchfâldich, hurdwurkjend en trou. Is dat sa en hat dat dan ynfloed? Foar myn gefoel wol.’ Op har wurk praat se safolle mooglik Frysk, as fansels. Op gearkomsten is de fiertaal meast Nederlânsk en by it management ek. Tytsy: ‘De setting bepaalt gauris de taal. Dat is tink ik de skizofreny fan it Frysk. Je binne Frysk, mar je binne benaud om it út te dragen. Fansels, as der minsken út Den Haach by binne, fyn ik it logysk dat de fiertaal Nederlânsk is. Mar it bart gauris dat de minsken allegear wol Frysk kinne en it ek mei elkoar prate. Mar yn sa'n setting fan in gearkomste past dan allinne it Nederlânsk. Ik soe it noflik fine as ik my altyd yn it Frysk útdrukke kinne soe. Mar as oaren Nederlânsk weromprate wolle, dan haw ik dêr gjin problemen mei. Ik wol it in oar net oplizze om Frysk te praten. Sels fyn ik de romte om mysels wêze te kinnen ek hiel belangryk. Foar my is it Frysk dan ek net in statement. It giet net om it Frysk, mar yn it Frysk.’ Op dy earste konferinsje dy't har leafde foar it Frysk befêstige, yn Switserlân, doe't se sechstjin wie, fûn Tytsy it ek in ferromming, dat it sa gewoan wie om je yn jins eigen taal thús te fielen. Dat wie neat bysûnders, dat hie elkenien: ‘By dy earste en ek by oare konferinsjes fan minderheidstalen gong it net om de taal en dat dy net ferlern gean moast, mar it gong om de konfrontaasje mei in groep dy't ek yn in lyts taalgebiet libbe. Dan krijst fansels petearen oer: hoe giet soks by jim en wat dogge jim oan dit en dat. Wat my foaral ynspirearre wie it grûngefoel fan romte foar yndividuen, groepen minsken dy't har om wat foar reden dan ek meiinoar ferbûn fiele. Dat it belangriker is dat

Tytsy Willemsma (foto S. van Ek) je jesels wêze kinne en dat je dat gefoel by al dy minsken út hiel ferskillende lannen weromfine. Dy frijheid, it feit dat net oeral fuort pealtsjes om setten wurde fan: “do bist Frysk en dan bist dus sa” hat my mei myn etikette-eangst altyd tige oansprutsen.’

Net oplizze

Tytsy tinkt net dat it sin hat dat de Provinsje it Frysk ferplichte stelt:

Trotwaer. Jaargang 32 ‘Wy ha no ienkear te krijen mei in oerheid dy't Nederlânsktalich is. De provinsje sil it wol mei mooglik meitsje moatte dat it Frysk in plak hat. Mar as je it ferplichte stelle, sette minsken de stikels oerein. Ik fyn dan ek net dat je it

Trotwaer. Jaargang 32 230 minsken oplizze moatte om Frysk te praten. Mar ik fyn it oan de oare kant ek net earlik dat fan my ferwachte wurdt dat ik my faker ferbrek as nedich is. Ik fyn dat minsken dy't hjir wenje wol muoite dwaan moatte om it Frysk te ferstean en te lêzen. Ik bin Frysk, praat Frysk en skriuw mailtsjes yn it Frysk oan minsken fan wa't ik wit dat se dat leuk fine. Ik gean der op boartlike wize mei om. Ik bin der altyd aktyf mei dwaande, mar besykje it net op te lizzen. En ik tink dat dat it measte effekt hat. Je moatte it prikeljend stimulearje. Mar der sit in prekêre grins tusken stimulearje en oplizze.’ Tytsy fynt dat Friezen wolris wat te benaud binne om fanatyk te lykjen: ‘Yn 't foar wurdt gauris al rekken hâlden mei minsken dy't it mooglik net ferstean sille. En dan lizze wy al foar't wy slein binne. Wêr't dat wei komt? Ik tink út eangst in útsûndering te wêzen. Foar't je it witte binne je ommers in djipfries.’ Dat hat se bygelyks ek ûnderfûn op 'e skoalle foar sjoernalistyk yn Swol: ‘Foar my is it dúdlik. Ik bin in Fries, punt. Sa stie ik dan ek bekend. Mar guon oaren, dy't ek út Fryslân kamen, woene dat net.’ Tytsy hat it Frysk fan hûs út hiel bot meikrigen. Har heit, Douwe Willemsma, no wethâlder fan Littenseradiel, is in foaroansteand FNP-lid. ‘By ús thús gong alles yn 't Frysk en dat is noch sa. Briefkes op 'e tafel, boadskippebryfkes, sinteklazegedichten. It is hiel fanselssprekkend. As je 't oer bôle ha, skriuwe je dochs gjin “brood”? Ik beskôgje it as in rykdom, dat myn âlden sa bewust mei it Frysk omgien binne.’ By alle fiif fammen Willemsma, Sybrich, Adalgard, Tytsy, Amarins en Ydwine is it Frysk oanslein. Se binne alle fiif op syn minst bewust en yn mearderheid ek aktyf yn bestjoersrûnten fan FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt), YEN (Youth of European Nationalities) of oare Fryske rûnten. Njonken de húshâlding is neffens Tytsy ek it ûnderwiis in belangrike faktor by it woartel sjitten fan it Frysk yn harren bestean: ‘Kinst net fan minsken ferwachtsje dat se Frysk skriuwe as se der gjin les yn hân hawwe. Ik haw it foarrjocht hân âlden te hawwen dy't Frysk skriuwe. Mar ik haw wol freondinnen dy't my kaartsjes yn 't Nederlânsk skriuwe wylst se oars Frysk prate. Wer dy skizofreny fan it Frysk.’ Tytsy hat no in Nederlânsktalige freon, mar hy sit op Fryske les: ‘Ik fyn it Frysk belangryk en dat fernimt er. Hy wol witte wat it is. Wy ha der in protte petearen oer hân. It is gauris dreech om út te lizzen. Mar je kinne it faaks it bêste útlizze troch te sizzen dat it krekt is as soene je alles yn in oare taal sizze moatte, it Dútsk of it Ingelsk bygelyks. Der kamen in protte protesten doe't der even sprake fan wie dat Ingelsk de fiertaal op universiteiten wurde soe. Dat is in gefoel dat in Fries al hiel lang hat.’ It Frysk-praten hinget foar har net allinne ôf fan it plak dêr't se is: ‘Ik haw in skoftsje foar Wehkamp wurke. Doe moast ik minsken belje en as ik dan in Fryske namme seach en fernaam dat it Friezen wiene, gong ik oer yn it Frysk. Faak prate it dan fuort folle makliker. Reklameburo's witte de taal ek te brûken. McDonald's bygelyks en Coca Cola brûke it yn har arbeidsmerkkommunikaasje. Dy witte de mearwearde der fan yn te skatten.’

Trotwaer. Jaargang 32 Frysk as baan

Op de fraach oft Tytsy fan it Frysk har wurk meitsje wol seit se: ‘Ik fyn net dat it Frysk-wêzen needsaaklik diel útmeitsje moat fan myn wurk. Ik soe my dan hiel beheind fiele. Dan sette je der wer grinspealtsjes omhinne, sa fan:

Trotwaer. Jaargang 32 231 dat is in Fries, dy moat dus mei it Frysk dwaande wêze. Foar my is it Frysk in ekstra. It beheint my net. It jout in ekstra diminsje oan hoe't ik tsjin de wrâld oan sjoch. It omskeakeljen fan de iene taal op de oare is bygelyks eat wat wy as Friezen hiel maklik kinne. It hat ek wer in neidiel fansels, je skeakelje dan ek samar oer op it Nederlânsk.’ Se fynt dat lêste benammen by de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd hiel opfallend. Dêr wurdt mar in bytsje neitocht wurdt oer it brûken fan it Frysk. Der soene folle mear ferhalen yn it Frysk yn stean kinne as no it gefal is en ek oer hiel oare ûnderwerpen. Gauris wurde minsken yn 't Nederlânsk siteart dy't oars altyd Frysk prate, om't der faaks gjin Fryskskriuwende sjoernalist foar foarhannen wie. Tytsy: ‘Dat fyn ik gjin sjoernalistyk, want it kloppet net. Je moatte minsken yn harren eigen taal sitearje. Ik fyn dat de Fryske media ek in skizofreen byld jouwe fan de Fryske situaasje. Mar miskien is dat der ek wol krekt in goede ôfspegeling fan, om't it yn Fryslân faak ek sa leit. Mar as sa'n Foppe de Haan alinea's lang yn 't Frysk sitearre wurdt, fyn ik dat prachtich en fanselssprekkend tagelyk. Dy man praat Frysk, dan moat er ek yn dy taal siteard wurde.’ De sfear fan de PC heart foar Tytsy ek typysk by Fryslân: ‘Dan wol ik der by wêze as it Frysk Folksliet songen wurdt, oan it begjin fan sa'n dei. En doe't ik fan fakânsje weromkaam, wiene wy om acht oere jûns yn Hearrenfean. Der hong in dize oer it lân en it rûkte sa hearlik nei farskmeand gers. Ik tocht: Dit is Fryslân, ik bin wer thús.’ Tytsy soe net earne oars yn Nederlân wenje wolle: ‘Heechút earne oars yn Europa. Dy romte, de bloeiende bermen, it binne dingen dy't foar my fan libbensbelang binne.’ Mar se hat it gefoel, dat se sokke dingen foar de bûtenwrâld altyd ferdigenje moat en dat se dan sterk yn har skuon stean moat.

Simmer 2000

Der is yn elts gefal ien moanne dit jier dat je sûnder skamte je Fries-wêzen ‘grinzeleas’ útlibje kinne: op Simmer 2000 as de Friezen út de hiele wrâld foar in reuny fan in pear wike wer nei har bertegrûn of dy fan har foarfaars weromkomme. Dat dit feest in protte belangstelling liket te lûken fernuveret Tytsy net: ‘Ik fyn it in fantastysk inisjatyf. Minsken binne hiel entûsjast en suver alle doarpen dogge mei. It is dan ek net in oplein feest lykas bygelyks Fryslân 500. Dat feest gong net oer ús en minsken woene it ek net oer har rêgen gean litte. Simmer 2000 komt folle mear út de minsken sels wei, want it sprekt oan. Minsken fine dat hartstikke leuk.’ En dêr moat it mei it Frysk neffens Tytsy ek hinne, dat it út de minsken sels wei komt, hiel gewoan en fanselssprekkend. Dan sprekke de minsken it fansels ek.

Trotwaer. Jaargang 32 232

Nyckle Haisma en Hylke Speerstra: Belibjen en ynlibjen Piter Terpstra

Hylke Speerstra, It wrede paradys. Libbensferhalenfan Fryske folksferhuzers. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1999. 456 siden. f 37,50.

Hylke Speerstra soe de bêste Fryske skriuwer oer emigranten wêze as Nyckle Haisma der net west hie. Mar men kin like goed oarsom sizze: Nyckle Haisma soe de bêste Fryske skriuwer oer emigranten wêze as Hylke Speerstra syn boek It wrede paradys net útkommen wie. It proaza fan beide skriuwers is boeiend, byldzjend en meinimmend. Mar de iene skriuwt syn romans oer in Fries dy't nei it eardere Nederlânsk-Indië ferfart út eigen ûnderfining en belibjen wei en de oare fertelt syn ferhalen oan de hân fan reisympresjes en waarnimmingen. Syn stof hat er helle út ynterviews dy't net oan de oerflakte bliuwe mar de minsken skerp en yngeand útbyldzje, sadat se foar de lêzer ta libben komme. Ik leau dat foar beide jildt: wat de iene wol kin hie de oare net kinnen. Dat betsjut: beide kinne se unike skriuwers neamd wurde. It is trouwens de fraach oft Haisma in echte emigrant wie, dat wol sizze dat er fan doel west hie om him foargoed yn Ynje del te jaan. Hy learde ta skoalmaster mei stipe fan in beurs en naam dêrmei op him om as er ôfstudearre wie by it ûnderwiis yn Ynje te wurkjen. Doe't er yn 1929 mei syn frou nei Medan reizge om dêr skoalmaster te wurden hie er him ek al wat op it skriuwen talein. Hy hie publisearre yn Sljucht en rjucht en Yn us eigen taal. Op Sumatra ûntjoech er him ta in wurdearre auteur fan sketsen en romans, dy't by it beste dat der yn jierren yn it Frysk skreaun waard, hearden. De titel fan in berneboek, De kar, docht, al hat it in hiel oar ûnderwerp, tinken oan wat him yn it libben fan Nyckle Haisma - en trouwens ek yn dat fan oare emigranten - mear as ien kear foardocht: de kar tusken gean en bliuwen, tusken twa wrâlden dy't fier út elkoar lizze. Ek yn Hylke Speerstra syn boek komme wy dat hieltyd wer tsjin. Hy fielde him yn Medan net ûngelokkich, mar hy miste Fryslân. Doe't er yn 1935 foar in ferlofperioade nei syn heitelân weromgie wynde de fraach oft er dêr al of net bliuwe soe yn him om. Mar hy moast kieze tusken in ûnwis bestean yn syn thúslân, dêr't yn de tritiger jierren de mooglikheden net grut wiene, en it weromgean nei Ynje, dêr't er ek in bining mei krige hie. Hy keas foar Medan, mar mei it fêste foarnimmen Fryslân net foar altyd achter him te litten. Hy soe weromkomme. It mocht net sa wêze. Nei de oarloch tsjin Japan kaam er yn it ynternearringskamp Tjilatjap te sitten. Dêr hat er alle papier dat er benei komme koe brûkt foar it skriuwen fan gedichten, ferhalen en - nei alle gedachten - ek in roman, dy't weiwurden is. Yn oktober 1942, fjouwer moanne foar syn dea, foltôge er dêr de prachtige novelle Simmer, dy't nei de oarloch publisearre en mei de Gysbert Japicxpriis bekroand waard. It ferhaal giet oer in Fries dy't sunder ea in bliuwende

Trotwaer. Jaargang 32 233 bestimming fûn te hawwen, oer de wrâld swalke hat, in simmer by syn broer op de buorkerij trochbringt, en him, sûnder yn it âlde betroude lân folle om hinne te sjen, yn it boerewurk bejout. Treffend is it hoe't Haisma, skriuwend op syn matsje mei alle drokte fan it kamp om him hinne, de sfear fan it simmerske Fryslân opropt:

Hjir sit hy, Aent Obma, net mear as fiifentweintich jier, en snúft de rook op fan in âld ferline. Hy goait de measte klean út en yn 'e pyama stiet er foar it lege rút en harket nei de lûden fan Fryslân. De bolle op 'e kamp oan it tsjoar grynt; by it jongfee en de Efteruten balte der in pear, de froasken yn 'e grêft krôkje. Hea, lûden dy't er suver fergetten hie. Ljippen saaie oer it nachtlik lân en boppe de sleatten tynt dize. In hiel skoft stiet er dêr sa en heart de klok yn de buorren de oeren slaan, njoggen, tsien, alve. De pleats is stil, in inkeld gekreak as immen him faaks op bêd omdraait. Heart hy yn dizze wrâld noch thús?

Sokke oertinkingen fynt men, jierren neidat Haisma syn romans en ferhalen skreau, werom yn It wrede paradys. Haisma brocht in grut part fan syn libben allinne yn ien lân troch, mar Speerstra prate mei emigranten yn Noard- en Sud-Amearika, Nij Seelân, Kanada, Australië, Sud-Afrika, Argentinië en Brasilië. Yn 34 haadstikken komt in grut ferskaat fan minsken oan it wurd. By Haisma is it benammen ien figuer dy't men net wer ferjitte sil, Peke Donia. Hylke Speerstra hat earder in tal boeken skreaun, wêryn er oan de hân fan ynterviews figueren op karakteristike wize foar jin delset: skippers, keatsers, reedriders en sels dokters. Minder goed binne syn boereromans. Mar in hichtepunt yn syn oeuvre is it boek dat fier útkomt boppe alles wat er oant no ta yn syn flotte en meinimmende ferhalen skreau: It wrede paradys. Der is ferdjipping yn syn proaza kommen. De titel is treflik keazen: hy ferwiist nei de lânferhuzers dy't yn Fryslân net folle heil mear seagen, mar, ek om de takomst fan de bern, emigrearje woene en oer in paradys yn Amearika of yn in oar fier lân dreamden. Soms fûnen se dêr yndied in better en lokkiger bestean, mar it libben wie der ek faak wreed en teloarstellend. Der wie gjinien, dy't Fryslân ferjitte koe. Yn it haadstik ‘Frisian dream’ fertelt Wietske Westerdyk-Popma:

Tsjin ûnwennigens bestiet gjin better remeedzje as in reis nei hûs wylst jo man achterbliuwt. Dan begjint it oarsom te wurkjen. Al nei trije dagen wie ik ûnwennich fan Henny, ja sels fan Burnie op Tasmanië. De wittenskip dat ik nei hûs kòe, makke it al draachliker. Dochs krige ik it hjir letter wer krap. Mar wàt foar in mem hie ik: doe't se al ald wie is se yn Rotterdam op 'e boat stapt en nei Melbourne fearn. Allinne. Op de ‘Rotterdam’. Sûnder in wurd Ingels te kennen. In âlde mem, dy't eins noch nea fan hûs west hie, seis wike allinne op in seeskip. Heit koe sa'n reis, sels mei mem der by, net mear oan, mar sy hat it dien. Om har dochter gelokkich te meitsjen.

Speerstra hat de hiele wrâld oerreizge om prate te kinnen mei minsken dy't nei de Twadde Wrâldoarloch de tredde grutte Fryske emigraasjegolf foarmen. Nei in lange, ûnwisse tiid, dy't harren de frijheid fan bestean ûntnaam woene se der útbrekke. It

Trotwaer. Jaargang 32 is de fertsjinst fan de skriuwer dat er in soad omtinken jout oan wat der oan it beslút om in nij faderlân te sykjen foarôfgie en fertelt hoe't der tariedingen makke waarden.

Trotwaer. Jaargang 32 234

De reis wie net sa beswierlik as dy op de emigraasjeskippen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu, doe't hiel wat lânferhuzers it bestoaren en it ferfarren foar minsken dy't hast nea bûten Fryslân west hiene en allinne Frysk en soms behyplik Nederlânsk praten, grutte psychyske swierrichheden meibrocht. Hylke Speerstra skriuwt oer de lânferhuzers yn de tredde golf mei in sterk ynlibbingsfermogen, mei in taalgebrûk dat útstekt boppe dat yn syn eardere wurk. It fariearret nei gelang fan de minsken dêr't er mei praat hat en dy't er stik foar stik oannimlik typearret. Hy nimt net allinne waar, mar hat in emosjonele bining mei de persoanen. Literêre sjoernalistyk, new journalism, lykas it yn Amearika neamd wurdt, binne der net te grutte wurden foar. Sa soe men Geart Mak syn boeken ek neame kinne. Omtinken foar it grutte en it lytse, it pleatsen tsjin achtergrûnen dy't jin dúdlik foar eagen komme. En it mei blidens konstatearjen dat Fryslân in skriuwer hat fan it formaat fan Mak, waans boeken by tsientûzenen ferkocht wurde. Hoe sil it Hylke Speerstra yn it Nederlânsk taalgebiet fergean? It wurk fan Nyckle Haisma is nea nei bûten ta trochbrutsen, mar as it troch de iere dea fan de skriuwer net ôfbrutsen wie, soe dit talint miskien ek bûten Fryslân ûntdutsen wêze. Hylke Speerstra hat it foarrjocht dat syn boek ek yn it Nederlânsk útkomt (Het wrede paradijs, in frijwol gelikense titel as Een wreed paradijs fan Leanne Olson, in Kanadeeske skriuwster). Syn namme is lanlik lang net ûnbekend, dat miskien meie wy hoopje dat bûten de provinsje it oansjen fan de Fryske literatuer, dat oant no ta net heech is, der mei tsjinne wurdt.

Slachtekwatrinen (4)

Henk Bok

Lânwurk

De dyk bylâns tsjûge er fan syn trêft, hurd op 'e klinkerts, oer de seadde sêft. It hynder is fermoarde troch de tiid. Oer gea raast no keunstmjittich hynstekrêft.

Willem Schoorstra

De dyk sliept ûnûnderbrutsen Dreamt wetterleafde jimmeroan Al hat tiid him rynsk oerdutsen Drôgjend is er yn hâldershân

Trotwaer. Jaargang 32 235

Dien wurk Willem Schoorstra

De spegel is rostich. Skamterea. Nim it my net kwea ôf, dit is wat ik dy sjen litte kin. In skiere kop. Senuwtrilling by ien fan 'e mûlshoeken. Holle eagen: neam ús eangst. Suchtsjend leit Gat de foarholle tsjin 'e spegel. Wat hat er him op 'e nekke helle? It is de twadde dei yn dit kloatehotel, en noch doart er net nei buten ta. Hy wrot de hân by de achterkant fan de spikerbroek yn, stekt de wiisfinger in ein yn 'e kont op en hâldt him under de noas. De rook kalmearret him. Snuvend giet er op 'e râne fan it bêd sitten. De terms fan 'e harsens binne rêstiger, produsearje tinzen dy't him oan it no bine. Moarn sil er it besykje. Ja moarn, as de wrâld trochwâldber is; hy grutsk en moedich. Dan sil er dwaan dêr't er foar kaam is. Hy leit de holle op it kessen. Noch even bekomme foar't er nei ûnderen ta sil om te waarmiten. Justerjûn wie dat al in hiele opjefte en dat sil aansten grif noch folle slimmer wêze. Hielendal allinnich yn 'e taapkeamer, mei inkeld de eagen fan de kastlein yn 'e rêch. Juster hied er op in stuit om wat muzyk frege, dat er himsels net mear kôgjen hearre koe. De kastlein hie oan 'e skouders lutsen en in seedee mei Nederlânsktalige hoempa opset. Better as neat, mar dochs wied er der mismoedich fan wurden. Dêrnei wied er fuortendaliks nei de keamer gien. Sûnder tillevyzje en kompjûter hie it in ynlange jûn west. Hy komt oerein en giet foar it rút stean. It begjint te skimerjen. De strjitlampen baarne. Eartiids mei in gielich, suver waarm ljocht; no is it in hurd, halogeeneftich skynsel. Dingen feroarje. Doch is de Oranjebuorren, sa't dy foar him leit, en in part fan de Aldbuorren him betroud. De strjitten binne op 'e nij fluorre mei klinkerts yn in beskaat patroan, lykas de huzen dy't er yn it eachweid hat opkalfatere binne. Mar it doarp sa't er dat ieuwen lyn ferlitten hat is yn 'e kearn net feroare. Dat fernimt er, en hy huveret. Twa dagen hâldt it him no binnen de muorren fan de Ynstap. In wea gefoel nestelet him yn 'e mage. It fielt as moat er spuie. Hy fljocht nei de waskbak en kokhalzet. Der komt neat út, sels gjin galle. Op 'e nij it gesicht yn 'e spegel. Hy pjutsket wat wetter om 'e holle en hellet de hannen troch it hier. Kreas genôch foar de kastlein. De muzyk spilet al as er yn 'e taapkeamer komt. Deselde hoempa. Hy ferbyt him en giet sitten. De doar nei de keuken swaait iepen en de kastlein set op

Trotwaer. Jaargang 32 236 him ta. Dy hat in blêd yn 'e hannen dat er draacht as in fiis ruft. Unfertocht hoeden set er it lykwols op tafel. Gat eaget it board oer. Seane ierappels, byfstik, blomkoal, sju. Hy freget om in goeie flesse reade wyn. De weard sjocht him fernuvere oan, wifket, wriuwt him ûngemaklik yn 'e hannen. Gat sjocht it oan, stapt oer syn argewaasje hinne en bestelt in pilske. De man klearret op, knikt him suver fleurich ta en stifelet fuort om it bier te heljen. Nei't er iten hat is de wearze fan him ôf. Eat fan foldwaning is der foar yn 't plak kommen. Rêstich, tsjin it minlike oan, besjocht er de rûmte dy't er ea inkeld fan oare kant de ruten koe. Neffens syn ûnthâld is der sa goed as neat feroare. Dit is it plak dêr't de tiid him fan kant makke hat. Ferdwûn yn it ferrikke houtwurk, it giele - hast wer trendy - blommebehang; de goarwite haakte kleedsjes op 'e taffeltsjes, it hânfol skilderijen, foar de stôk wei op ôfbyldings fan in romantisearre njoggentjinde-ieusk plattelân. Slim benearjend, mar it rekket him jûn net. Krekt oars: hy krijt just in kik fan de ûnmijbere fergonklikens fan dizze stilstân. It skoddet him wekker, jout him moed. Alles is dea, it moat allinnich noch even stjerre. Gat giet oan 'e bar sitten. Op in planke, tusken de jonge jenever en de brandewyn yn, stiet in tillevyzje. De kastlein hat der ien of oare kommersjele stjoerder foar, in soartemint spultsjeprogramma. Sûnder de eagen fan it skerm te heljen freget dy: ‘Hat it smakke?’ ‘Dy tillevyzje, dy wie der doe noch net.’ ‘Hin?’ ‘Neat. Jou my noch mar in gleske bier.’ De man sjocht him mei in skalk each oan. ‘Ik sil even it itensreau ôfrûme, dan bin ik sa wer by jo.’ Letter smoke se tegearre in sigaar. Mei't it spultsjeprogramma dien is, begjint de weard, Gerke, te zappen. Gat hat him foarsteld as Jaap. In geve, neutrale namme. ‘Safolle stjoerders, en net in flikker derfoar’, seit Gerke. Gat knikt, eat tusken ja en nee yn. Gerke zapt fierder. It ljocht boppe de bar spegelet yn syn glimmende keale plasse. Dat kinne de trije strinkjes oerdwers kjimme hier net behinderje. Mei't se sa in skoftke sitten hawwe, skood der in auto op it parkearplak foar it hotel. ‘Der sil wy Andrys hawwe yn syn nije bolide’, seit Gerke. Hy wipt fan 'e barkruk en docht de gerdinen ta. Dy binne donkerread. De kleur fan stjurre bloed. It swit brekt Gat út. De hân trillet him as er it glês leech drinkt. Hy wol nei de keamer. Mar dan is Andrys fan de nije bolide der al. It blykt in fyftiger, konfeksjekostúm, gouden hoektosk. Gat rekket deprimearre. Hy

Trotwaer. Jaargang 32 237 nimt it himsels kwea ôf dat er sitten bliuwt, mar ear't er it wit stiet der wer in glês bier foar him en is er ferplichte om op 'e sûnens fan Andrys te drinken. Boppedat wurdt er achte fragen te beäntwurdzjen. Wêr komt er wei? Fan wa is er ien? Wat docht er foar de kost? Is er troud? Hat er fakânsje? Gat set it glês mei in klap op 'e bar. ‘Ik bin hjir kaam foar de rest’, seit er, ‘mear net.’ ‘Dan bist teplak’, seit Andrys. ‘By Gerke is it altyd rêstich, no Gerke? Ik haw alris in útstel dien om de tint fan him oer te nimmen, mar hy wol de earen der net nei hingje litte. Komt noch wol. En as it safier is, dan sil ik der wat moais fan meitsje!’ ‘In hoerekast’, seit Gerke. ‘In hoerekast, in hoerekast... In lúkse etablissemint dêr't sakelju harren ûntspanne kinne. Wol of net mei in frommiske. Mar tink derom: alles yn styl, it sil klasse útstrielje!’ ‘Klasse myn reet’, seit Gerke. ‘Moast dy der allinnich ris yn naaie litte!’ snúfket Andrys. It draait Gat foar de eagen. Hy kin it net langer ferneare. Foarsichtich glidet er fan de kruk, stekt de taapkeamer oer en stapt de gong yn. Hy fielt dat de oare twa him nei sjogge, grif ek oer him rabje sille. It is him om it even. De gong is lekker koel en hy komt wat ta himsels. Nei't er pisse hat giet er nei syn keamer. Hy skopt de skuon út en giet op bêd lizzen. Der kringe gjin lûden út 'e taap ta de keamer troch, en Gat koesteret him yn 'e stilte. De sitewaasje docht him in bytsje tinken oan The Shining, Jack Nicholson mei frou en bern yn in ûnbidich grut hotel, hielendal allinnich en mei folsleine gekte op kommendewei. Dat wie ien fan de earste films dy't se mei it ‘filmklupke’ sjoen hiene. Durk, Eddy, Wouter en hysels. Bûsjild garje, ôfprate op 'e hoeke en dan mei de bus nei de stêd. Jezus, wat hie dy film in yndruk makke. De kilte, de waansin, de hallusinaasjes. Dochs hied er syn maten wol fergromje kinnen op 'e weromreis, doe't er harren oprjochte eangst en ûntsetting gewaar wurde. ‘Horror’ hiene se sein. Wat wisten sy no fan horror? Likegoed wie it in treflike perioade west. Se hiene in soad films sjoen, in soad lol trape en yn 'e mande in begjin makke mei it loslitten fan harren berteplak. Achttjin jier wie Gat doe't er alles achter litten hie. Syn maten hied er nea wer kontakt mei hân.

Hy sit yn in keamer en wachtet. Foar him oer hinget in klok oan 'e muorre. Sûnder wizers. Hy hat gjin idee hoe lang't er hjir al sit. Yn alle gefallen salang dat er de rûmte goed yn him opnimme kinnen hat. Ut soarte in keal hok. De muorren en it plafond binne snústerich wyt. Der sitte gjin ruten yn. Wol twa doarren: ien oan 'e rjochterkant, ien oan 'e lofterkant. De bank

Trotwaer. Jaargang 32 238 dêr't er op sit beslacht ien hiele side, mei genôch plak foar wol fyftjin minsken. Dochs is er mar allinnich. It is folslein stil. Frjemd, want folsleine stilte fynt men oars net mear. Hy fielt him ûnrêstich. Der moat eat barre, dêr is er wis fan. Mar wat? Hy stoarret nei de flier, folget mei de eagen it hokjepatroan fan it swilk. Ynienen falt der in drip bloed yn ien fan de hokjes. En noch ien. Gat wurdt kjel. Hy giet oerein sitten en fernimt dat it bloed him by it antlit del rint. Ut 'e eagen. Ut 'e noas. Ut 'e earen. It falt mei koarte, fuleindige tikjes op 'e flier. Hy wol om help roppe, mar it lud fynt de mule net. Mei ôfgriis sjocht er hoe't de drippen byinoar krûpe ta in plaske. Dit komt net goed, hy moat aksje ûndernimme. Stadich, hiel stadich komt er oerein. De lea is him fan lead. Hy rint op 'e boaiem fan 'e see. Hiel yn 'e fierte, troch in read waas, wanke de doarren. Hokker moat er nimme? De lofter, de lofter moat it wêze. Mei sleauwe earmbewegings set er der op ta. Earst liket it as komt er net in stap fierder, mar úteinlik rekket er oant by de doar. No't er der deun op stiet, sjocht er dat it ding fan fleis is. Weak, waarm fleis, oerdutsen fan lytse hierkes. Dan wurdt er ek de doarskruk gewaar: in hurde lul mei obseen klopjende ieren en weromlutsen foarhûd, de pearsreade nút glânzgjend fan focht. Gats sykheljen stiket. Dit wol er net. Hy sil útnaaie, mar de fuotten wegerje tsjinst. Hy sit ûnder it bloed no. Deadseangst grypt him by de strôte. En dan, ûnder it útstjitten fan in lûdleaze gjalp, krijt er de lul beet en stapt troch de doar fan fleis. Hy belânet yn in keamer. In sljocht en rjochte keamer. De muorren en it plafond binne snústerich wyt. Hy giet sitten op in houtene bank, dy't ien side fan de keamer beslacht. Foar him oer hinget in klok. Sunder wizers. Hy sit en wachtet.

En wurdt wekker, baaiend yn 't swit. De kiel is him droech en hy barst fan 'e pine yn 'e holle. Wer dy dream, dy ferflokte rotdream. Hy hyst himsels oerein, rint nei de waskbak en nimt in glês wetter. De reade sifers fan de wekkerradio jouwe fiif punt fiifenfjirtich. Eins de muoite net mear om de klean út te strûpen en ûnder de tekkens te krûpen. Gat dangelet nei't rút en leit de eagen yn 'e nacht. Stadichoan krijt er it gefoel dat er wer yn syn lichem rekket. Noch in pear oeren, ear't de amme fan it doarp him, nei tweintich jier, bestrike sil. Hy draait de radiator heger, krijt in stoel en giet sitten. De dage sil him fine as in willige bûkswjergea, ree ta it oansetten fan in nije dei. De earste dei.

It is fris. Gat stiet op 'e stoepe foar de Ynstap en sykhellet djip. Suver in ferlichting nei it moassige fan it âld hotel. Gerke wie ferromme doe't er ôfstiek. De weard hie it net plan-út sein, mar Gat wist dat it sa wie. Goed. Se

Trotwaer. Jaargang 32 239 soene inoar net wer moetsje. Hy sjocht om him hinne. Earst nei de Master Fan Loanstrjitte, nei it hûs dêr't er berne is. Dêr't syn âlden ferstoarn binne. Tolve jier lyn heit, alve jier lyn mem. De begraffenis hied er oan him foarby gean litten. It koe doe noch net, weromgean. No wol. Hy set de stap deryn. As er de Oranjebuorren út is, krijt er it plantsoen yn 't sicht. Dat wie in plak dêr't se as bern omraak boarte hiene. Yn it plantsoen stiet in stiennen oarlochsmonumint, in metsele obelisk dêrst prachtich opklimme koest. Op in moarmeren plaat dêrnjonken stean de nammen fan de minsken dy't yn 't lêst fan '45 noch troch de flechtsjende Dútsers delsketten binne. Gat merkbyt dat ek hjir dingen feroarje. It stek mei de skerpe punten dat it plantsoen omfieme, is ferdwûn. Op ien of oare manier liket it plantsoen der kwetsber troch, strielet it drôvens út om de ferlerne yntimiteit. Elkenien kin no fan alle kanten it gers oprinne en op it monumint takomme. Der sil fêst in nijmoadrige filosofyske gedachtegong achter sitte, mar Gat fynt it spitich. Hy hat hjir in tal lokkige dagen te lizzen, en no hat er it gefoel dat dy bekliemd, útwiske wurde. Dochs giet er even op it bankje sitten dat er sa goed ken. It liket lytser, fansels. Op in stuit fytst der in jonkje foarby. Yn in hommelse oandriuw stekt Gat de hân op. It baaske negearret him. Teloarsteld triuwt er de hannen yn 'e bûse en ferfettet syn wei. Bylâns it gemeentehûs - leech, de ruten foar't grutste part stikken - oer de hoeke dêr't de eardere VéGé har hannel dreau. It winkelpân is ferboud ta in wenhûs mei it oansjen fan in útdragerij. De finsterbanken stean grôtfol byldsjes: hûnen, kabouters, ingeltsjes, clowns, fioelspyljende swervers; alderhanne sinterske rotsoai. Blykber lit de winkelsfear him slim dreech fuort jeie. Walgjend stekt er de strjitte oer. Oan it opspyljen fan de mage fernimt er dat er yn 'e buert fan de Master Fan Loanstrjitte komt. De Halbertsma noch út en dan is er der. It earste dat him opfalt is it keale plak dêr't it âldershûs stean moatten hie. Wol lizze der stiennen en planken, yn keurige steapels optaast. Syn kop is in kamera: klik. D' âld klinte is ôfbrutsen. Yn dy iene tel fan registraasje sjocht er dat dit eins de iennichste konkrete feroaring is. Hjir en dêr is in garaazje by kaam, in kajút of in oare útbou, mar it epysk sintrum fan de strjitte is ferdwûn. It taast him yn 't moed en dat komt him oer 't mad. Mei in tichtknypte kiel rint er der op ta. Sels de mânselhege hage is fuortropt. Krekt oft der in bom delkaam is. Sprakeleas stiet Gat de sitewaasje op te nimmen. Der is net ien oan 't wurk. ‘Sykje jo immen?’ Der komt in âld mantsje oan skoffeljen. Hy rint út it lead, krekt as hat er lêst fan sydwyn. Hy hat in kop fol tearen dêr't twa gleone eachjes yn lizze te

Trotwaer. Jaargang 32 240 fûnkeljen. In roppich reptyl. ‘Nee’, antwurdet Gat, ‘nimmen. Kin jo my sizze oft it hûs fan de Beetstra's al lang tsjin de flakte leit?’ ‘Noch net sa lang, hear. Ferline wike hat Sjouke it lêste delhelle. It wie ek in âld spultsje fansels. Alle houtwurk ferrotte, gjin besketten dak, wetter ûnder de flier, gean sa mar troch. Nee, dy jong baas hat gelyk dat er nij bout. Der siet fierders ek gjin lúkse yn. De jongerein wol gewoan in badkeamer, in ekstra húske boppe en in seefee, jo witte it wol sawat. Hawwe jo oars de Beetstra's kennen? Want sûnt frou Beetstra ferstoarn is, hat der in stikmannich jierren in keunstnersechtpear yn om húsmanne. Dat wiene de lêste bewenners fan it stee.’ It reptyl bûcht him foaroer, ree om Gat op te fretten. Dy docht in stap tebek. ‘Nee’, seit er, ‘ik haw se net kennen. En hja my ek net.’ Der kraait gjin hoanne. Hy hat net liicht. ‘Of hiene jo der belang by hân?’ Gat rekket yrritearre. It keareltsje is tige oantwingerich, stiet alwer hast deun tsjin him oan. Boppedat stjonkt er sân stek yn 'e wyn, in mingsel fan mige, swit en ferrotte tosken. ‘Gjin hier op myn holle’, antwurdet er, ‘ik bin inkel nijsgjirrich. Dat is in eigenskip dêr't wol mear minsken mei oanhelle bin.’ It reptyl reagearret net. Hy fiksearret Gat mei syn gleone, wetterige eagen. ‘Mar as jo de famylje Beetstra net kennen hawwe, hoe witte jo dan oft dit eardere hûske fan harren west is?’ ‘Ik sil wer fierder’, seit Gat, ‘oant sjen.’ Hy krijt gjin antwurd. It mantsje flybket, grommelet wat yn himsels. Gat is fan 't sintrum. Hy hie net tocht dat de konfrontaasje mei de skym fan syn jeugdjierren him wat dwaan soe. Senuweftich taast er yn 'e jasbûse. Gjin sjek mear. Der moat in doarpswinkel wêze, want dy hat er út 'e bus wei sjoen doe't er hjir oankaam. Hy giet op 'n paad en nei ien kear freegjen hat er de Sirkel fûn. It is der net drok. Sêfte muzyk streamt út ûnsichtbere lûdsprekkers. It sil wol muzyk wêze dy't oanset ta keapjen, tinkt er, en tagelyk nimt er it beslút om wat mear guod mei te nimmen foar jûn, as er wer thús is. Dan hoecht er net nochris de stêd yn. Der strune likernôch seis minsken yn 'e winkel om. Hy ken der net ien fan, ek it frommiske achter de kassa net. Dochs liket se mar in jier as twa, trije jonger as hysels. Ymport, nei alle gedachten. Hy leit de boadskippen op 'e rinnende bân en rekkenet ôf. Bûten giet er op ien fan de gemeentlike blombakken sitten en draait in sjekje. Nei't er twa kear de reek djip ynazeme hat, fernimt er hoe't de lea him ûntspant. Tiid foar in fleske bier. Hy hat der trije kocht. Mei de ring dy't er om de middelfinger draacht wipt er de dop

Trotwaer. Jaargang 32 241 derôf. Dit hat er nedich om itjinge te folbringen dêr't er foar kaam is. Hy set it fleske oan 'e hals en sûpt it yn ien kear leech. It skûm dripket fan it kin ôf op 'e jas. It kin him neat skele, likemin as de ferwitende blikken dy't er krijt fan minsken dy't foarby rinne. As er se alle trije op hat is er leech, trochsichtich. It tinken polsket ûnder in tin laachje rûs. It is him noflik. Hy giet oerein, wachtet oant de wrâld wer yn 't lead stiet en fandelet de lege fleskes byinoar. Se sille net fan him sizze dat er der in soadsje fan makket. Yn 'e winkel sjogge se him nuver oan. ‘Asjeblyft’, seit er, ‘lit it staasjejild mar sitte.’

Der sweve hjersttriedden troch de loft. Even fielt er eat fan ûnmoed oan him gnobjen, mar hy lit it net ta. No net mear. Hy makket de kar om earst op it hôf fan de herfoarme tsjerke te sjen. Guon fan de âldere generaasjes wurde dêr faaks noch bedobbe, hoewol't it nije hôf bûten it doarp al yn gebrûk wie doe't Gat der noch wenne. De herfoarme tsjerke stiet oan 'e noardeastlike râne fan it doarp. Yn syn ûnthâld is it in keal en kâld plak dêr't it altyd waait. No't er it op 'e nij yn 't each krijt, sjocht er dat it perfoarst net keal is. Der steane wis wol beammen omhinne, mar waaie docht it der likegoed. Hy teart de kraach fan 'e jas omheech en stapt mei in hammerjend hert op it grintpaad. It is trijefearnsjier lyn dat it berjocht yn 'e krante stie, dat it grêf sil no wol foarinoar wêze. Stadich rint er by de sarken lâns. De knibbels binne him fan rubber. Ut en troch liket it krekt as sljurkje de letters fan de stiennen ôf. Dan bliuwt er stean, sykhellet in pear kear djip en twingt dêrmei de letters wer yn 'e beage. Sa maneuvrearjend rekket er in slach yn 'e rûnte. It is him dúdlik: hy sil op it nije hôf wêze moatte.

Gat stiet foar it izeren stek. Troch de spilen wurdt er nimmen gewaar. Hy sil de iennichste besiker wêze. Hy triuwt de klink nei ûnderen ta en rint it nije hôf op. Hjir lizze de deaden matematysk teplak. Kante hoeken grien, trochsnien fan rjochte paden; krûdetún fan 'e dea. Gat rint it middenpaad del. It grint kriezet ûnder de skuon. Wêrom't se sokke paden altiten mei kiezels bestruie is him in riedsel. Miskien om doarmjende sielen fuort te jeien. Hy set útein oan 'e achterkant fan it hôf, út 'e redenaasje dat hjir de lêst begroevenen lizze. In hoart letter falt him it each op in mânske, glânzgjende stien oan de oare kant fan it middenpaad. Der binne mear grutte, glânzgjende sarken, mar dit is dejinge dy't er hawwe moat. It is as in skaadflarde dy't oer him hinne falt, in swart gat dêr't er yn sûge wurdt. Yn trance leit er de lêste meters ôf. It giet bûten him om, as wurdt er troch de lea mei op sleeptou naam.

Trotwaer. Jaargang 32 242

Dan stiet er foar de stien oer en sjocht er dat it lichem gelyk hat. Hjir hawwe se him oan de ierde tabetroud. Op it grêf stiet in glêzen pôt mei wilige blommen, rjocht under de bertedatum en de dei fan ferstjerren. Leave omke. Aardige omke. Net troud, mar tige goed mei de sibben. De loene sibben. Gat trillet no oer de hiele lea. Alles yn en oan him protestearret. Hy meneuvelt ûnhandich mei de rits fan 'e gulp; is earst net by steat en krij him iepen. Lang om let slagget it him en hellet er de kul foar 't ljocht. Hy docht de eagen ticht en konsintrearret him. It duorret even, mar dan kletteret in befrijende striel hite mige oer de sark en de dekstien. Nei in hiel skoft is de blaas leech. It grêf driuwt en stjonkt. Gat skoddet de lêste drippen ôf en troppet de kul werom yn 'e broek. Hy draait him om en sjocht lyk yn it gesicht fan in âlder frommiske. Hja stiet op it middenpaad, hat in boskje blommen yn 'e hannen. Hy hat har net oan kommen heard. Se sjocht der feralterearre út, har mûle hinget in eintsje iepen. As er by har lâns rint seit se mei in nuveraardige stim: ‘Wat tinksto wol net datsto oan it dwaan biste?’ ‘Dien wurk meitsje’, antwurdet Gat. Sûnder op of om te sjen stekt er ôf. Letter linet er tsjin de peal mei it boerd fan de tsjinstregeling. De bus is al wer te let.

Trotwaer. Jaargang 32 243

Orfeus te water Hans Brans

Ik wilde wel berusten, ik verzeker u, ik wil het, maar Amor wint. Op aarde is die godheid goed bekend, misschien hier ook?

(Ovidius, Metamorfosen, boek X)

Het kan niemand zijn ontgaan: Orfeo ed Eurydice, de opera van Christoph Gluck uit 1762, wordt in het kader van het Fries Festival in de kleine uurtjes opgevoerd in een verloren uithoek van het Friese merengebied. Als normale stervelingen nog op één oor rusten, zullen de gelukzalige kunstminnaars die een kaartje hebben weten te bemachtigen hun beide oren spitsen in een nevelige ochtendschemer die land en water met elkaar verwart. Aan de hand van de melancholische geluiden van Orfeus' lier dalen we af in de Onderwereld, op zoek naar Eurydice, Orfeus' gestorven geliefde. Tijd om onze klassieken op te frissen. Wat is de mythe van Orfeus? Welke thema's bevat de stof van de mythe? Wat hebben Gluck en zijn librettist er tenslotte mee gedaan?

De mythe van Orfeus

In de Griekse mythologie was Orfeus de oervader van musici en dichters. Met zijn lier en zijn liederen bracht hij niet alleen mensen en goden in vervoering, maar ook dieren, planten, zelfs stenen werden bewogen door zijn geluid. Met zijn muziek maakte hij zijn omgeving als het ware vloeibaar van emotie. Het element water - zo belangrijk bij deze voorstelling - duikt op allerlei momenten op in de verhalen over Orfeus. Hij was een zoon van Kalliope, de muze van het lied en van een riviergod uit Thracië, Oiagros. Maar ook Apollo en zelfs Zeus worden als zijn vader genoemd. De tocht naar de onderwereld om zijn gestorven Eurydice op te halen, werd na de Oudheid verreweg het bekendst, mede door de opera's van Monteverdi en Gluck. Maar in de Oudheid werd de dichter/musicus in de eerste plaats gezien als de stichter van de ‘Orfische mysteriën’, een religieuze eredienst voor ingewijden, waarvan er in Griekenland en het Romeinse Rijk meer floreerden. De cultus rond Dionysos was nauw verwant met de Orfische mysteriën. Orfeus zou de Hiëroi Logoi (Heilige Woorden) hebben geschreven, een leer in 24 delen over het ontstaan van de kosmos, de goden en de mensen. Het moet een geschiedenis zijn geweest vol wreedheden, vernietiging en wedergeboorten, maar niets ervan is overgeleverd. De meest sprekende versie van het verhaal over Orfeus en Eurydice is te lezen in de Metamorfosen van Ovidius. Orfeus was verliefd op de nimf Eurydice, maar nog voor hun huwelijk werd ingezegend, werd ze aangerand door Aristaeus, de uitvinder van de bijenteelt. Terwijl ze vluchtte werd ze dodelijk gebeten door een slang. Orfeus was ontroostbaar en ging op

Trotwaer. Jaargang 32 244 weg naar het dodenrijk in de Onderwereld, de Tartarus. De ingang vond onze held in Taenarum waar een poort toegang gaf tot de Styx, de rivier die het onder- en bovenmaanse met elkaar verbindt. De veerman Charon brengt de bootjes met gestorvenen van de ene oever naar de andere in het Dodenrijk. Die andere oever wordt bewaakt door de driekoppige hellehond Cerberos. Door zijn meeslepende, droevige muziek wist Orfeus zowel Charon als de hond mild te stemmen en bij wijze van uitzondering lieten ze hem door. Alleen Theseus en Herakles waren daar eerder in geslaagd. De Onderwereld wordt beheerst door Hades (Pluto voor de Romeinen), naar wie men ook de Onderwereld zelf wel noemde en zijn vrouw Persefonè. Er was een hemelse afdeling en een soort hel. In de eerste, de Elyzese velden (bekend van de Champs d' Elysée in Parijs), leiden helden en heldinnen een gelukzalig bestaan. In de andere sector moeten schurken als Tantulus en Sisyfus hun eeuwigdurende kwellingen ondergaan. Midden door de Onderwereld stroomt de Lethe, de rivier van de vergetelheid. Onbevreesd stapt onze held voor koningin Persefonè en zingt haar toe dat hij best wel wil berusten in de dood van zijn geliefde, maar dat Amor wint. Koning Hades laat zich vermurwen. Hij laat Eurydice gaan onder één voorwaarde: terwijl zij hem volgt naar boven toe mag Orfeus niet één keer omkijken. Doet hij dat toch dan is zij alsnog voor eeuwig verloren. De afloop is bekend. ‘Bang dat ze achterbleef of uit verlan gen haar te zien’, kijkt Orfeus vlak voor ze in de Bovenwereld aankomen om en onmiddellijk glijdt ze terug in de diepte. Weer daalt Orfeus af, maar ditmaal laat Charon zich niet bepraten en na zeven dagen ‘zonder ander voedsel dan zijn eigen tranen’ geeft hij het op. Orfeus trok zich terug in het Thracische hooggebergte en hoewel door menige dame begeerd, moest onze zanger niets meer van Venus hebben. Volgens Ovidius werd hij een voorbeeld voor hen die graag de liefde bedrijven met jonge knapen, een vóór de vijfde eeuw v.Chr. nog ongebruikelijk omgangsvorm. Het verhaal van Orfeus gaat nog verder. De Maenaden, vrouwelijke volgelingen van Dionysos, of Bacchus, zijn woedend over zijn afwijzing van vrouwen. In hun blinde extase smijt één van hen haar met klimop begroeide staf naar het ‘apollinisch hoofd’ van de dichter, waarop de woeste troep Bacchanten het lichaam van de arme dichter aan stukken scheurt. Heel de natuur weent om zijn droevig lot. Zelfs rivieren, vertelt Ovidius, zwollen door eigen tranenstromen. Orfeus' hoofd wordt met zijn lier in de rivier de Hebrus geworpen en terwijl lier en hoofd klaaglijk voort zingen, drijven ze af naar zee. Uiteindelijk spoelt het hoofd aan op het strand van Lesbos. Een slang bedreigt het, maar Apollo doet het beest verstenen, waarop de eilandbewoners een tempel voor de ongelukkige zanger oprichten. Dionysos zelf vindt ook dat zijn volgelingen te ver zijn gegaan en voor straf laat hij ze wortel schieten en verandert ze in bomen. Ondanks de verwantschap tussen de Orfische mysteriën en de vruchtbaarheidscultus van Dionysos, komt hier een tegenstelling naar voren tussen de ‘rationele’, klassiek-tijdloze Apollo (vader van Orfeus) en Dionysos als god van de roes en de vergankelijkheid - een tegenstelling die door Nietsche is uitgewerkt in zijn Geburt der Tragödie. Op de Elyzese velden wordt Orfeus' ziel dan eindelijk voorgoed vereeuwigd met die van Eurydice.

Trotwaer. Jaargang 32 Talrijk zijn de varianten van de mythe rond Orfeus. Zo is Orfeus ook bekend als een van de Argonauten, een groep helden die onder aanvoering van Jason op zoek ging om aan de kus-

Trotwaer. Jaargang 32 245 ten van de Zwarte Zee het ‘Gulden Vlies’ - een magische, gouden ramsvacht - te bemachtigen. De zanger gaf met zijn muziek niet alleen de maat aan voor de roeiers, maar bracht zelfs de golven tot bedaren.

Thema's

Aan de mythe van Orfeus en vooral aan zijn tocht naar de onderwereld zijn verschillende thema's te ontdekken. Op vier ervan wordt hier kort ingegaan. a. Queeste

In de eerste plaats is Orfeus' onderneming een zoektocht zoals je die in talloze mythes, sprookjes en bijbelse verhalen tegenkomt. Denk aan de ‘twaalf werken’ van Herakles, de ontberingen die Lancelot doorstond voor zijn geliefde Genoveva, de prins die zich door een doornenhaag moest werken om Doornroosje tot leven te kunnen kussen of de aartsvader Jakob die jaren moest zwoegen bij zijn toekomstige schoonvader Laban. Ook de Jason van de Argonoutentocht werd door zijn schoonvader op pad gestuurd om een onmogelijke opdracht te vervullen. Het doel van de ‘queeste’ is dus steeds het verwerven van de geliefde, maar om dat doel te bereiken moet de held een bijna bovenmenselijke inspanning verrichten. Met deze verhalen wordt niet alleen de mannelijke ondernemingslust geprikkeld, maar er zit ook steeds een aspect aan van transgressie, van het overschrijden van een taboe of een grenslijn en wel met gevaar van het eigen leven. Niet zelden zijn het de vaders van het meisje die onmogelijke eisen stellen of barrières leggen, op grond waarvan men van een seksueel taboe kan spreken: de zoon zal de vader moeten verdringen om toegang tot de vrouw te verkrijgen. Maar de transgressie heeft ook betrekking

op de overgang naar een andere stam, een andere familie, zelfs naar een andere wereld of een andere levensfase. Parallel aan de veroveringstocht ontwikkelt zich dan ook vaak een innerlijk rijpingsproces, waarbij de held zijn oude identiteit moet afleggen

Trotwaer. Jaargang 32 en een nieuwe moet verwerven. De kinderlijke wereld is voorbij; hij zal moeten leven met de kennis van goed en kwaad, leven en dood.

b. De ultieme grens

Orfeus faalt, hetgeen niet erg gebruikelijk is in dit soort sprookjes. Waarom lukt het hier de held niet om de obstakels te overwinnen en

Trotwaer. Jaargang 32 246 zijn geliefde te veroveren? Met de proef die de held in de Orfeus-mythe krijgt opgelegd door Hades is iets bijzonders aan de hand. Orfeus mag niet omkijken voor hij met Eurydice de Bovenwereld bereikt heeft. Er zijn enkele verhalen waarin iets soortgelijks plaatsvindt. Het verbod om om te kijken doet denken aan de vrouw van Lot, die met haar man gespaard zou blijven, mits zij niet om zou kijken naar het brandende Sodom en Gomorra. Op het moment dat zij haar nieuwsgierigheid niet kon bedwingen veranderde ze in een zoutpilaar. En dan is er het verhaal van Blauwbaard die zijn nieuwe vrouw verbood om een kijkje te nemen achter een bepaalde deur. In al die verhalen wordt geen staaltje van moed of kracht gevergd, zelfs geen buitengewone slimheid, maar een simpel ogende test in zelfbeheersing. Dat Orfeus faalt heeft ongetwijfeld te maken met de valstrik die in de proef besloten ligt. Net als het verbod aan Adam en Eva om te eten van die ene boom is het juist het irrationele aspect van het taboe dat overtreding onweerstaanbaar maakt. De opstanding uit de dood van zijn geliefde is een wensdroom die ook met de grootste moed of slimheid niet te verwerkelijken is. De dood is ongrijpbaar, irrationeel. Orfeus is op een grens gestoten, die de mens wel zou willen overwinnen, maar die door de natuur onneembaar is gemaakt. Met Freud kan men de Orfeusmythe interpreteren als een strijd tussen Eros (liefde, drift) en Thanatos (de dood). Volgens Freud waren dit de twee drijvende, tegengestelde krachten in het leven: de seksueel bepaalde levensdrift en het doodsverlangen. De mythe laat de botsing zien van deze twee principes. De penetratie in de krochten van de onderwereld is Orfeus' poging om zijn liefde te forceren ten koste van de dood. Even laat de Dood zich om de tuin leiden, maar uiteindelijk wint hij toch. De inzet van het Orfeusverhaal is dus de gebruikelijke zoektocht van de jongeling die zich zijn bruid waardig moet betonen en zichzelf moet overwinnen, maar het verloop heeft veel meer te maken met de poging om de dood te overwinnen, of anders gezegd met de onmogelijkheid haar te negeren.

c. Liefde overwint zelfs de dood.

Des te opmerkelijker is de teneur die vanaf de Middeleeuwen uit de mythe van Orfeus wordt gepuurd. Amor omnia vincit - liefde overwint alles - is ook de slotnoot in de opera's van Monteverdi en Gluck. Wat is de aanleiding tot die interpretatie? Orfeus wordt weliswaar met zijn geliefde verenigd, maar in de dood. Is de dood een absolute grens, of kan die worden ‘genomen’ door de liefde? De meer troostende en hoopgevende conclusie dat de liefde sterker is dan de dood wordt ongetwijfeld ingegeven door het gebruik dat Vergilius van de mythe maakte en het gebruik dat Dante vervolgens weer van Vergilius maakte. Vergilius beschreef de Orfeus mythe in zijn Georgica, maar in zijn hoofdwerk de Aeneïs laat hij zijn Trojaanse held een soortgelijke tocht naar de Onderwereld ondernemen. Aeneas treft er de schimmen aan van zijn vrouw en zijn medeburgers die bij de val van Troje zijn omgekomen, maar hij ontvangt er ook de roeping als stamvader van de Romeinen en de belofte van een nieuwe toekomst.

Trotwaer. Jaargang 32 Die louterende boodschap van hoop is ook het belangrijkste resultaat van Dantes tocht door Hel, Vagevuur en Paradijs in zijn Divina Commedia. Dantes gids is Vergilius zelf - zo leunt iedere grote dichter op zijn legendarische voorganger. Zoals Orfeus op zoek is naar Eurydice en Vergilius naar zijn ega, zo is Dantes baken zijn aanbeden geliefde Beatrice, een en-

Trotwaer. Jaargang 32 247 gelachtige verschijning die hij maar eenmaal gezien had. Maar hoewel Dante het raamwerk voor zijn Goddelijke Komedie ontleent aan de Oudheid, is zijn visie door en door christelijk. De liefde voor Beatrice is een sterk vergeestelijkte liefde, die veel weg heeft van de verering van Maria als voorspreekster bij God. In het laatste deel zetelt Beatrice inderdaad aan de rechterhand van Maria. Inhoudelijk gezien is niet Orfeus, maar Christus het voorbeeld van de zoektocht. Door zijn offerdood uit liefde voor de mensheid heeft de zoon van God de schuld van onze zonden op zich genomen en het pad vrij gemaakt dat naar een leven na de dood leidt. Met de liefde van Orfeus heeft deze liefde niet veel meer van doen. Ongemerkt heeft de Orfeusmythe door Dante een christelijke herinterpretatie ondergaan.

d. Schoonheid overwint alles.

In de Renaissance treedt een variant van de mideeleeuwse interpretatie op de voorgrond. Niet de liefde, maar de schoonheid - lees de kunst - overwint de grenzen van de condition humaine. Orfeus is immers de zoon van de kunstminnende god Apollo en van Kalliope, de eerste in rang onder de muzen. Met zijn muziek betoverde hij de mensen, de goden en zelfs de natuur. Maar de halfgod is een tragische held. Zijn kunst staat als het ware hoger dan hij zelf. Als mens was hij niet alleen onderworpen aan de sterfelijkheid, maar ook aan een onbedwingbare nieuwsgierigheid. Orfeus had de typisch menselijke neiging om grenzen te overschrijden, maar wordt uiteindelijk door zijn eigen beperkingen ingehaald. Het lichaamloze hoofd en de onbemande lier die op eigen houtje door blijven zingen symboliseren daarentegen de eeuwigheid van zijn kunst. De rol van de kunst als onderwerp van een kunstwerk is typerend voor de reflectief ingestelde Renaissance. De anonieme dienstbaarheid van de Middeleeuwse kunst werd opgeheven ten gunste van een zelfbewuste kunst, zoekend naar een nieuwe, zelfstandige rol als gids, als spiegel of als vertrooster. Nu nog zien we Orfeus' lier als symbool voor die verheven kunst, bijvoorbeeld op het dak van het Amsterdamse Concertgebouw. Het is niet voor niets dat Orfeus het belangrijkste onderwerp is in de eerste opera's. Daarin probeerde men de klassieke tragedie, waarvan men in die tijd aannam dat ze in hun geheel gezongen werden, te doen herleven. De religieuze context van de klassieke tragedie was hierin uiteraard niet langer geldend. Op de onwereldse waarden van het christendom, waar conflict en strijd waren uitgebannen, wilde men geen beroep doen. Wat anders kan ons verzoenen met het gruwelijke schouwspel van ondergang en eindigheid dan de schoonheid van dat schouwspel zelf? Tot op zekere hoogte vallen vorm en inhoud in de eerste Orfeus-opera's samen. Als ergens het oogmerk van de ‘vertroosting van de schoonheid’ begon, dan was het hier. In de mythe en ook bij de latere mythografen speelt Orfeus' kunst een dergelijke rol niet.

Monteverdi en Gluck

Trotwaer. Jaargang 32 De ontwikkeling naar een verzoenende herinterpretatie van de mythe van Orfeus vond niet overal en in één keer plaats. In 1480 schreef Polliziano het invloedrijke stuk Favola di Orfeo, waarin het nog wel de dood is die de liefde overwint. Bij Polliziano begint het streven om de klassieke tragedie nieuw leven in te blazen door middel van een muzikaal ondersteund drama met mythologische stof. Honderd jaar later schrijft Peri een dramma per musica waarin het lot van Eurydice centraal

Trotwaer. Jaargang 32 248 staat. De muziekhistorici laten hier de geschiedenis van de opera beginnen, lang overigens voordat de term ‘opera’ ingang vond. Bij Peri krijgt Orfeus geen verbod om om te kijken en voert hij zijn geliefde succesvol uit de Onderwereld. Ook de tweede versie van Monteverdi's L'Orfeo, favola in musica uit 1607 kent een gelukkige afloop. Eurydice moet weliswaar terugkeren naar het dodenrijk, maar Apollo verzacht het lot van Orfeus door haar op te nemen in het firmament en Orfeus te vergoddelijken, waarop een hereniging na de dood plaats vindt. Gluck gaat nog een stap verder met een ‘happy end’ in het hier en nu. Aangespoord door zijn librettist Calzabigi wilde Christoph Willibald Gluck (1714-1787) muziek en drama opnieuw in evenwicht brengen. Met zijn ‘Reform Oper’ probeerde hij de uitwassen in de opera terug te dringen. In de komische opera (de opera buffa) waren dat vooral de oeverloze nevenintriges ter wille van spektakel en effectbejag. In de serieuze opera (of opera seria) waren het de muzikale hoogstandjes van de zangers. Met een beroep op de vermeende wensen van het publiek en met een schuin oog naar hun collega's eisten de vedettes lange aria's waarin zij konden schitteren. Calzabigi bracht de dramatische handeling terug tot een minimum. Uiterlijke handeling en innerlijke beleving moesten in evenwicht zijn. Door een klassieke eenvoud moest de ‘oorspronkelijke’ tragiek van het verhaal herleven. Al voor het begin van het drama is Eurydice gestorven. De treurende Orfeus gaat niet op eigen initiatief naar de Onderwereld, maar op instigatie van Amor. Het is ook Amor - en niet Hades - die Orfeus het verbod oplegt om om te zien naar zijn geliefde. En het is ten slotte ook Amor die zorgt voor de gelukkige afloop: hij haalt Eurydice voor de tweede keer terug uit de Onderwereld en verenigt haar met Orfeus. Dat Orfeus de test niet doorstaan had, is volgens Amor juist het ultieme bewijs van zijn liefde en dat moet beloond worden. Deels schijnt die gelukkige afloop te zijn ingegeven door de omstandigheden waarin de première van Orfeo ed Euridice in 1762 te Wenen plaatsvond, namelijk ter gelegenheid van de verbintenis van keizer en keizerin. Maar in de Parijse versie van 1774, waarin Gluck toch weer concessies deed aan de smaak van het publiek, is het slot niet gewijzigd, zodat je mag aannemen dat hij de hereniging als wezenlijk beschouwde. Nu was een gelukkige afloop in de klassieke tragedie niet zo ongebruikelijk als later wel gedacht werd, maar een zekere prijs voor zijn overmoed moest de held altijd wel betalen. Ondanks de straffe modellering naar de klassieke tragedie heeft Glucks opera toch meer van een sprookje dan van een tragedie. Het niet kunnen voldoen aan een irrationele proeve past ook meer in de geest van de Verlichting. Zoals ook de herroeping door Amor van de straf past bij het gedrag van een verlicht despoot die de onredelijkheid van een besluit graag toegeeft. De rol van Hades blijft in het duister. Zo heeft het ideaal van redelijkheid en evenwichtigheid de ruwe en pijnlijke kanten van de mythe gefilterd tot een aangenaam droevig schouwspel.

Trotwaer. Jaargang 32 249

Tsien jier Liet: tiid foar feroaring Jelle Bangma

Tsien jier Liet, festival fan it Fryske liet. Stichting LIET 91, Ljouwert 2000. CD mei tekstboekje. Grafysk ûntwerp Gert Jan Slagter. f 30.

Liet bestiet tsien jier. By it twadde lustrum fan dat sjongbarren is de CD ‘Tsien jier Liet’ presintearre. De CD hat de winners fan dy tsien jier fêstlein; sawol de ‘grutte’ winners, oanwiisd troch de kenners, as de winners fan de publyksprizen. In aardich dokumint, mar dan benammen foar de trouwe Liet-fans. Liet as festival gunt elk in tredde lustrum, mar de organisaasje sil har al op in pear punten beriede moatte.

Tsien jier Liet bestiet út in royale boks mei plak foar twa CD's. De iene skiif befettet sechtjin lieten, de oare is no noch fan karton, mar kin ynwiksele wurde tsjin in skiif mei dêrop de winners fan dit jier. In aardige, lykwols frij djoere oplossing. Mar dat hat it de organisaasje blykber wurdich west om tsien jier yn ien doaske bewarje te kinnen; de tekst sil der grif ek bylevere wurde. It boekje mei de teksten fan de earste njoggen jier is deeglik útfierd mei it Liet-logo op 'e foarkant en yn gronologyske folchoarder de teksten mei derby ynformaasje oer de útfierenden, tekstdichters en komponisten. In fotootsje hie foar de oanklaaiïng ek wol aardich west en alhielendal maklik foar it aktivearjen fan it ûnthâld, want mear as de helte fan 'e winners hawwe har letter noait wer yn 't iepenbier sjen litten. Sechtjin lieten dus oer njoggen jier en gjin achttjin, want yn '92 en '97 ferkeazen it publyk en de sjuery deselde artyst ta winner.

Grutte konstante by de beoardieling fan tsien jier Liet hat Pieter de Groot west. Hy hat fan it begjin ôf oan yn 'e faksjuery sitten, de oare twa fan it trijetal hawwe wikseljende persoanen west, meast ien ‘muzikundige’ en ien ‘tekstkundige’. Sa'n konstante hat wat foar, as er de eigen smaak teminsten net tefolle oan 'e oaren optwingt. Ik leau net dat soks mei De Groot it gefal west hat, it ferskaat oan sjenres hat tidens de útfierings altyd frij grut west. Derby wie De Groot it gewisse fan it literêr gehalte en it akseptabele Frysk. En dat wie mar goed ek, sa docht er sels al in pear jier út 'e doeken yn it sjueryferslach (alle jierren publisearre yn syn Ljouwerter Krante), want it nivo is somtiden om te skriemen. Dochs soe ik my foarstelle kinne dat Pieter de Groot him nei tsien jier weromlûkt, krekt as presintatrise Karin de Jong dat docht, om nimmen yn 't paad te sitten en romte te jaan oan oaren mei nije ideeën. Hokker pretinsjes Liet hat? No, neffens it foaropwurd fan De Groot yn it tekstboekje by de CD, by de start oars net as in stribjen nei ‘in ferbreding fan it repertoire oan oarspronklike lieten yn alle sjenres fan de lichte muze’. Dat is slagge, dêr sil elk it oer iens wêze. Alle jierren hat it tal ynstjoerings skommele tusken de 55 en 75 en hawwe der dus krektsafolle tekstdichters en komponisten serieus oan wurke, mei de

Trotwaer. Jaargang 32 250 hope en ferwachting dat it konkurrearje koe mei de oare ynstjoerings. Liet hat foar mannichien in útdaging west, om troch te brekken, om it in kear mei te meitsjen, om... ‘Wêrom dochsto yn 'e goedichheid hieltyd wer mei?’ frege ko-presintator Douwe Heeringa oan Adri de Boer op 'e jûn fan it lêste Liet. Hy wie ommers al etlike kearen trochkrongen ta de finale en hie Liet al wûn yn 1998. Adri de Boer wie earlik. Foar him wie it in kick om op sa'n grut poadium te stean, foar sa'n folle seal mei minsken. Soks bart in troubadour net alle wiken. De Boer seit dat er troch Liet in grutte nammebekendheid krigen hat. Stûf folhâlde op Liet kin dus wat opsmite. Mar De Boer liket nei dy jierren de iennichste te wêzen dy't sa dúdlik profyt hân hat fan Liet. Want net alle artysten hawwe der sa oer tocht. Fan Douwe Heeringa (gjin priis) en Piter Wilkens (publykspriis '94) is bekend dat se tinke dat Liet likefolle skea dwaan kin as goed. As jo earne yn 'e middenmoat einigje, kin soks jo noch lang achterfolgje. En oerlevere te wêzen oan net-stressbestindige of net-kapabele technisy is alhielendal de skrik fan de serieuze artyst. Spitigernôch hat te faak ien fan 'e dielnimmers skea oprûn troch dat technisy fergetten in mikrofoan iepen te draaien. Ek fan 't jier waard der ‘boe’ roppen doe't applaus frege waard foar It Lûd. Oare artysten yn 'e dop hawwe har net wer sjen litten. Want fansels, ien Liet makket noch gjin artyst. It leit oan de artysten sels at se der in ferfolch oanjaan wolle. De measte winners hawwe dat net dien of binne der net yn slagge. Gerrit Bos, (winner '91 en letter mei oaren as 't Kratsje de winner fan 'e publykspriis yn '95) hie de potinsje. Mar Bos koe him net oan ôfspraken hâlde, liet syn publyk en opdrachtjouwers gauris yn 'e kjeld stean en dan hâlde jo gjin klanten. De oaren? Anne Oosterhaven (winner '93) is dirigint wurden yn stee fan útfierende, French Connection (winner '95) is ûnderdûkt nei beskuldiging fan plagiaat en... o ja, wy hearre grif noch fan Nynke Laverman (publykspriis '96), dy't no op 'e Kleinkunstacademie sit en fan Twarres (publykspriis '99), as dy twa goed begelaat wurde yn 'e grutte wrâld fan 'e hurde kommersy.

De earste sân kear Liet waard de seleksje en de úteinlike beoardieling dien troch it trijetal saakkundigen ûnder lieding fan Pieter de Groot. Sûnt 1998 sitte tidens de finale acht regiosjuery's yn 'e seal dy't punten jouwe. De stadige opbou fan 'e útslach, as om bar de sifers op it elektroanyske boerd ferskine, heart by in sjongfestival. It is krekt echt as de ‘votes please’ fan de Fette Klaai, It Bilt of De Wâlden achterinoar ferskine. En dochs kin it systeem ek bot frustrearje. De lêste twa kear ferliet it publyk ûntefreden mûskopjend de seal om't se it alhielendal net iens wie mei de einútslach. Yn 1999 hie De Rode Rozen it net winne mocht en fan 't jier wie Skarl in ûnterjochte winner. Opfallend detail: beide kearen stie de winner as lêste yn it programma; krekt as hat de sjuery net grutter ûnthâld as de lêste dielnimmer. Tagelyk bekrûpt my it gefoel dat de sjuery absolút ‘saakkundiger’ wêze wol as it domme publyk, dat ûnder lûd applaus syn favoryt kenber makket. Twa kear is de regiosjuery dêr net yn meigien. Hoe dan ek, mei it systeem fan sa'n brede sjuery dy't safolle punten te ferdielen hawwe kin der in ferrassende winner tefoarskyn komme, dy't miskien by gjin inkele regiosjuery op nûmer ien stien hat. It is krekt as mei Rintsje Ritsma: gjin inkele ôfstân winne en dochs allround Europeeske kampioen wurde; it sit yn 't systeem bebakt.

Trotwaer. Jaargang 32 251

Dochs hat nei myn gefoel de sjuery twa kear fierstefolle it each hingje litten nei de act, it keunske en de útfiering. It '99-publyk hat it gelyk oan syn kant krigen mei it ferkiezen fan Twarres. Se binne it ôfrûne jier beknuffele oant by Paul de Leeuw ta. En ek fan 't jier sil de publykswinner - Femke Hoeksma mei pianist en komponist Rhody Matthijs - absolút mear te beharkjen wêze op 'e radio as de blues fan Skarl. Want ‘Fjouwer wjukken fan hope’ (moaie tekst, pytjon sikkema!) is mear as in flechtich festivalliet.

Net seure, Liet is sjarmant. Mar de organisaasje sil har op syn minst oer twa saken beriede moatte, want de Liet opset en útfiering pretindearret nei tsien jier fansels folle mear as Pieter de Groot yn syn foaropwurd ferwurdet. Alderearst moat neitocht wurde oer in oare foarseleksje, want der komme hieltyd mear protesten en ynstjoerde stikken fan ôfwiisde kandidaten, dy't fine gjin kâns krigen te hawwen. En tagelyk steane noch altyd kandidaten op it grutte poadium, dy't jin de teannen yn 'e skuon krom lûke litte. Dat sil dy faksjuery - ‘wier, it bantsje wie folle better’ - al krektsa fergean. Trije jûnen de provinsje yn liket hast net te kearen. Twad sil de regiosjuery folslein ferfongen wurde moatte om in frisse start te meitsjen. Dy krijt dan de dúdlike ynstruksje: ‘tink der om, it is in sjóngfestival en it giet hjir nét om wa is it moaiste ferklaaid en wêr kinne wy it meast om laitsje’. Dan hoege de jonges fan Sebeare (dûbele priis '97) har teminsten net wer sa potsierlik út te dossen en kinne se har wer folslein konsintrearje op in stevich liet.

En dan de CD. Fan alle festivals hat Omrop Fryslân opnamen makke en dêrtroch wie it mooglik om de live-útfiering fan de winnende lieten op skiif fêst te lizzen. By it beharkjen krijt men dus in reëel byld fan de werklike útfiering, it is letter net yn in studio nochris ekstra oanklaaid of opskjinne. Foar de Liet-fans is it sa in autintyk dokumint wurden, dêr't se grif wiis mei wêze sille. Foar de nochtere, krityske harker thús op 'e bank is it net altyd oangenaam om nei te harkjen. It wikselet sterk yn folume, fersteanberens en klankkleur. Ek oare dingen falle op no't alles op in rychje stiet. Sa hat de faksjuery de earste seis jier keazen foar it chanson, útfierd troch in solist. Mei as dissonant French Connection yn '95. Yn '97 is de priis foar it earst foar in band en dan twa kear foar in act. It publyk hat yn 'e begjinjierren folle mear keazen foar de sfear fan it momint: in a-capella groep of Piter Wilkens en de Rayonhaden. Grutste miskleun is trouwens de winner fan '93: ‘Sis mem wêrom’, in âldfrinzige, belearende tekst fan Anne van der Mark. Letter liket it publyk folle saakkundiger te wurden, sa sels dat it de fak-regiosjuery's foarby stribbe is. Nei myn smaak bliuwe mar in pear lieten oerein dy't de tiid trochstean kinne. Dat binne ‘Sûnder mis’ fan Egbert Beers (winner '94), ‘Har eagen’ fan 't Kratsje (publykspriis '95) en ‘Kom werom’ fan Nynke Laverman (publykspriis '96). Mar miskien beharkje ik de CD nochris en groeit dat listke mei noch in pear...

Trotwaer. Jaargang 32 252

De ferfilming fan De fûke: Steven de Jong hat in gouden formule Sjoerd van Aalsum

De Fûke. Regisseur en produsint: Steven de Jong. Senario: Rink van der Velde en Steven de Jong. Kamera, ljocht en montaazje: Anton Stoelwinder. Akteurs: û.o. Rense Westra, Hilly Harms en Peter Tuinman. Steven de Jong en Roely Boer, Film & Fûke. Persoonlijke verhalen en gevoelens bij het maken van een speelfilm. Uitgever Dialoog, Aldehaske, 2000. 224 siden. f 30.

Steven de Jong, ûndernimmer, akteur, senarioskriuwer, produsint en regisseur fan soap en film, is in fenomeen. Yn 1997 luts syn earste (fideo)spylfilm De gouden swipe 45 tûzen besikers. It slagge him minsken yn Fryslân nei de bioskoop te krijen dy't dêr oars noait komme. As in Nederlânske film hjoed de dei sa'n tal besikers hellet wurdt dat as in grut sukses fiert. Yn 'e statistiken fan de Nederlandse Bioscoop Bond binne dy besikers trouwens foar it grutste part net werom te finen. Want de film is yn filmhûzen fan it Fries Film Circuit en doarpshûzen fertoand en dy lêste falle bûten de registraasje fan de NBB. Nei de ferfilming fan it boek fan Abe Brouwer hat De Jong op 'e nij in boek fan in Fryske skriuwer ferfilme. Diskear op it 35mm formaat. ‘Niets kan het succes van De fûke in de weg staan. Die conclusie mag worden getrokken na de drie uitverkochte premièrevoorstellingen in De Harmonie in Leeuwarden. De publieksreacties waren vrijwel unaniem lovend.’ - skreau it Frysk Deiblêd. De film draaide nei fiif wike noch hieltyd yn alle Fryske bioskopen, yn Wageningen en trije middeis yn Amsterdam. Dêrnei sil De fûke by de doarpshuzen lâns. Fan De gouden swipe wist De Jong dat hy der in film fan meitsje soe mei himsels yn 'e haadrol. Doe't de filmrjochten frij kamen griep er syn kâns. It soe noch wol jierren duorje ear't de film makke wie. Der wie gjin jild. By offisjele ynstânsjes as Provinsje en Omrop Fryslân krige De Jong gjin poat oan de grûn. De Provinsje woe earst wolris wat sjen en de Omrop begûn daliks oer details yn it senario. De tsjinwurking fan de ynstituten wjerhold him net. Hy socht en fûn oare wegen. Mei oaren rjochte er de Stichting Fries Film Fonds op. Dy organisearre in lotterij en hy sette syn eigen hynder as priis yn. It wie net genôch en dêrom stie De Jong sels finansjeel garant foar de film. By de offisjele ynstânsjes hat De Jong mei De gouden swipe wat sjen litten. Provinsje en Omrop Fryslân binne no wol finansjeel belutsen by De fûke. Net dat De Jong foar dy film rom yn it jild sit, want út it boek Film & Fûke, tagelyk mei de film útbrocht, wurdt dúdlik dat de acht ton dy't der beskikber is op 'e nij foar de helsdoarren weisleept waard en dat sa'n bedrach fierstente min is foar in spylfilm. De Jong stiet dêrom sels op 'e nij garant foar de pear ton dy't ûntbrekke. It boek stiet fol mei foarbylden fan de gefolgen fan it earmoedige budzjet. De film moat yn

Trotwaer. Jaargang 32 253 trettjin dagen opnommen wurde. Dat is in ferrekte bytsje. De kameraman moat sunich wêze mei de djoere filmrollen fan fiifhûndert gûne it stik. Fan elke fjouwer rollen moat er ien brûke foar de einmontaazje. Ien op tsien rollen draaie is yn de filmwrâld al net folle. Meiwurkers wurkje foar in foai. Materiaal moat sels makke wurde of fergees om skoaid. Ek De fûke is der dus allinnich mar kommen omdat De Jong én syn fiifhûndert meiwurkers dwers tsjin de wyn yn trochsette.

Kom by De Jong noait oan mei swiere, yntellektuele praatsjes oer film as keunst. Sa'n wurd seit him neat. Film is foar him in ambacht. Moatst it leare en foaral in protte dwaan. Yn syn gefal wie it wurkjen yn soap-series as Spijkerhoek, Onderweg naar Morgen, Medisch Centrum West en Westenwind syn learskoalle. Hy spile dêryn as akteur en regissearre ôfleveringen fan dy searys. Yn Film & Fûke jout er syn kredo as regisseur: ‘Het verhaal zo verpakken dat het ergens over gaat, dat mensen er vanuit verschillende lagen naar kunnen kijken, met spanning en ontroering, maar ook met zelfspot en humor, dat is mijn maatstaf.’ Syn ferhalen moatte rûn wêze. De Fûke begjint en einiget mei Bijke, de hûn. En oft it no in soap is of in spylfilm, De Jong wurket yn beide gefallen mei in skema fan tsjinstellingen: nei in stille sêne in drokken, dan ien dy't je op it moed komt en dêrnei in fleurige sêne.

Film & Fûke beskriuwt gronologysk hoe't de film ta stân kommen is. De Jong gie earst yn 'e slach mei Rink van der Velde om it senario te skriuwen. ‘Omdat ik er met mijn regisseursoog toch anders tegen aankijk, ging ik dus slopen, behoorlijk slopen zelfs.’ Dat is yn de film trouwens net te sjen. Guon dialogen út it boek sitte der letterlik yn. It komt mear del op skrassen. De film folget yn essinsje de struktuer fan it boek. De Jong tinkt der oer de Dútsers yn 'e film net Dútsk prate te litten. ‘Maar dan tast je de waarheid misschien teveel aan.’ Ferfolgens makket De Jong in kleureboek fan it senario mei dêryn alle sênes. ‘Alles staat van te voren qua shots en dus qua montage gepland en getekend.’ De foarm fan de film, de kamerafiering stiet fêst. Sa kin er effisjint produsearje. Hy oefent mei syn akteurs alle sênes yn 'e studio en op lokaasje. De kameraman en syn assistint-regisseur witte ek presiis hoe't de opnamen ferrinne moatte. De beheining ta trettjin opnamedagen en it suterich tal beskikbere filmrollen twinge him dêr fansels ek ta. Mar dat is net de ienige reden. De Jong is foaral ynteressearre yn de dramatyske struktuer en yn syn akteurs. Yn Film & Fûke beskriuwt er dat wiidweidich. By it wurkjen oan it senario is hy al dwaande mei de rolbesetting en as hy de rollen ferdield hat giet it senario nochris hielendal oer de kop mei de útkeazen akteurs yn 'e achterholle, want ‘de cast is van eminent belang’. Sa wiidweidich De Jong as is oer senario en rolbesetting sa koart is hy yn it filmboek oer de kamerafiering. De Jong tinkt foaral yn dialogen, hy is gjin skilder mei de kamera. Net de effekten, trúkjes of de fisuele aspekten binne fan belang. It giet him om de minsk, yn al syn fasetten. Hy wol in ‘mens-mensenfilm’ meitsje, lêze we. As de opnamen dien binne sit it swierste wurk der dêrom op. Der binne filmmakkers foar wa't it dan pas begjint. Dy meitsje de film yn de montaazjekeamer. Sa'n filmmakker is de Steven de Jong dus absolút net. Hy jout Anton Stoelwinder sels de

Trotwaer. Jaargang 32 frije hân by de montaazje. Yn Film & Fûke beskriuwt De Jong hoe't se ta dat beslút kamen. It montearjen duorret him te

Trotwaer. Jaargang 32 254 lang. En Stoelwinder krijt lêst fan it hymjen yn syn nekke. De Jong pakt it senario en jout de snijpunten oan. Dêrmei is de film ek dy fan Stoelwinder wurden. Want njonken de montaazje die dy ek de kamera en it ljocht. De Jong neamt Stoelwinder dêrom in ‘belangrijke pion in het geheel’. Soks heart minder belangryk as de ‘eminente’ akteurs. It is dus net ferwûnderlik dat nei de premiêre wól de akteurs Rense Westra, Peter Tuinman en Hilly Harms troch De Jong op it poadium helle wurde en net Anton Stoelwinder. De Jong fynt De fûke swierdere kost as De gouden swipe. Dochs is it ferhaal maklik te folgjen. It kamerawurk rjochtet him op de dialogen en ek dêr hoecht de taskôger him net yn te spannen. Der wurde jierliks tûzenen soksoarte films makke, foaral foar de televyzje. De sjogger hoecht him mar del te jaan, De Jong leit it him allegear dúdlik út. De akteurs dogge har bêst om mar gjin misferstannen op te roppen. De minnen prate, sjogge en hannelje min, de goeden dogge goed. En foar dy kiker dy't it dan noch net troch hat binne der flashbacks yn slowmotion. Ek it lûd wurdt yn De fûke brûkt om sa min mooglik oan de ferbylding oer te litten.Yn elke film wurdt lûd brûkt om aksinten te lizzen. Lûd moat manipulearje, de yllúzje fersterkje. It bêste lûd is it lûd dat der wol is mar net opfalt. Yn De fûke is it lûd tefolle lûd en dêrom steurend. Bygelyks as soan Germ yn syn boatsje syn ûndergong temjitte fart. De muzyk alarmearret fier fan te foaren mei drigende, swiere teutoanske toanen dat de fijân op 'e loer leit. Op sokke mominten is de film net dy sobere film dêr't De Jong it yn syn boek oer hat. It ferstân kin by it sjen nei De fûke dêrom rêstich op nul setten wurde. Wa't beweart dat de film fol sit mei klisjees en sa plat is as in dûbeltsje kin in protte arguminten oanfiere. It belang fan De fûke - in belang dat amper te oerskatten falt - is dat de film makke is en foaral ek hoe't de film útbrocht is. Yn seis bioskopen yn it noarden. En dêrnei in fertoaning yn alle doarpshuzen. Mei - lykas by De gouden swipe - in single fan De Kast, in boekje oer it meitsjen fan de film en resinsjes yn alle lanlike deiblêden, petearen op nasjonale radio- en tillevyzjekanalen en oanplakboerden troch hiel Fryslân. Dat is ferrekte knap. De gouden swipe hat bewiisd en De fûke toant op 'e nij oan dat it mooglik is yn Fryslân spylfilms te meitsjen dêr't in grut thúspublyk foar bestiet. It is yn dat opsicht wol spitich mar folslein ûnbelangryk dat de film bûten Fryslân gjin yndruk makket. It is op dit stuit folle belangriker dat De Jong syn twadde film makke hat. Hûndert jier nei de berte fan de film ûntstiet tanksij Steven de Jong in begjin fan in filmproduksjeklimaat yn Fryslân. Der is no twa kear underfining opdien troch cast en crew yn it meitsjen én it útbringen fan in spylfilm. En De Jong ynspirearret ek oaren. Ynkoarten komt Bjinse van der Zwaag mei syn earste spylfilm De winter fan 2000. Ek hy moat syn film trouwens foar in pear sinten meitsje. De Jong hat in gouden formule fûn. Der gean dêrom stimmen op om mear Frysk boekewurk te ferfilmjen. Oaren wolle dêr fanôf en freegje om eigentiidske, oarspronklike films. It ien slút fansels it oare net út. It makket dêrom nijsgjirrich hoe't aanst de film fan Van der Zwaag ûntfongen wurdt. Dat is wol eigentiidsk wurk mei de Alvestêdetocht as achtergrûn. Stel dat dy film troch de filmparse geunstiger ûntfongen wurdt as De fûke. Dan is de kâns grut dat it thúspublyk it massaal ôfwitte lit. Yn it algemien is it ommers sa dat as de

Trotwaer. Jaargang 32 filmkrityk in film bejubelet, it folk thús bliuwt. Oarsom binne klisjees de filmbesprekkers in

Trotwaer. Jaargang 32 255

Kameraman Anton Stoelwinder krige de frije hân by de montaazje; dêrmei is it ek syn film wurden.

(foto út Film & Fûke) griis, wylst de massa, it gemiddelde publyk, soks prachtich fynt. It is seldsum - en dat jildt foaral foar in Nederlânske film - dat filmkrityk en publyk tagelyk foar in film falle. Op dit stuit docht dizze bysûndere situaasje him foar by de film Lek fan Jean van der Velde. It fûnemint dat De Jong dellein hat is trouwens net stevich. Wol der yn 'e takomst fan profitearre wurde dan sil der folle mear jild beskikber wêze moatte. Dy kans liket net grut. Want Omrop Fryslân hat gjin middels om swier yn filmdrama te ynvestearjen. Ut de Langmanjilden koe dy Omrop al net iens ekstra jild krije. As aanst de miljarde-opbringst fan de ferkeap fan de Nuon-oandielen op de provinsjale bankrekken stiet dan soe der jild yn in filmfûns stoppe wurde kinne. De Nuon-miljarden sille faaks in tradisjonele bestimming krije yn nije autowegen en sweeftreinen. En sels al soe der út dy potten wol in sek fol jild foar film beskikber komme, dan is it noch net wis dat der profitearre wurdt fan it pionierswurk fan De Jong. Want it makket in grut ferskil of it jild dan taskood wurdt nei in ynstitút as Omrop Fryslân of dat it beskikber komt foar de ideeën fan ûnôfhinklike produsinten. Yn

Trotwaer. Jaargang 32 256 it earste gefal komt it jild yn hannen fan in stjoerder - in produsint én distributeur - mei eigen belangen. Soe Omrop Fryslân in film ek utbringe yn de bioskoop en doarpshûzen? Ha se dêr in belang by? Yn it twadde gefal komt it jild by minsken as Steven de Jong. Dy ha ek in belang: dat fan har berntsje, de film, dy't sa goed en lâns safolle kanalen as mar mooglik is fertoand wurde moat.

De fûke: it boek sloopt foar de film? (3)

‘Foar in goede film moast it boek earst slope’, hat Steven de Jong sein, mar yn syn ferfilming fan De fûke fan Rink van der Velde is er dochs wol ticht by it boek bleaun. In film is lykwols wat oars as in boek. Ut de foarpublisiteit hie ik begrepen, dat de fiskerman yn de film ynienen in namme krigen hie en dat muoide my, omdat ien fan de sterke kanten fan it boek no krekt is, dat de lêzer allinne mar troch de eagen fan de man sjocht en allinne mar mei him meitinkt. Dan hoecht ien net in namme, de man is himsels en wol sa min mooglik gedoente mei oare minsken hawwe. In namme is wat foar de boargerlike stân, foar tredden. Yn de film hat it my net steurd, likemin as de grutte rol fan de hûn dy't my út it boek net bybleaun wie as in wichtich elemint. Yn De fûke fan Rink van der Velde wurdt gâns tusken de rigels troch ferteld. Yn De fûke fan Steven de Jong wurde suggestjes yn bylden omset en krije dêrtroch in ynterpretaasje. De film is sadwaande wat ‘fetter’, wat mear op effekt út as it boek, mar troch it prachtige spyljen fan Rense Westra giet ek de film nearne oer de wiffe grins fan keunst of kitsch hinne. Dy haadrolspiler fûn ik geweldich! Sa't de skriuwer mei in pear wurden in hiele situaasje dúdlik meitsje kin, sa kin Westra dat like subtyl troch in wynbrau op te lûken of in mûlshoeke te krôljen. De nederlaach fan it establishment, dat ree is ta konsesjes, foar de fiskerman oer dy't ûnôfhinklik bliuwt, wurdt yn de film fersmelle ta de twastriid tusken Peter Tuinman en Rense Westra en ek Tuinman spilet in ‘moaie’ rol al stelt er in minnenien foar. Miskien hat de regisseur it boek earst wol sloopt, mar dêrnei hat er it ferhaal dan dochs wer opboud út de meast wêzentlike eleminten. Tineke Steenmeijer-Wielenga

Trotwaer. Jaargang 32 257

Trioel

Trinus Riemersma: altyd itselde

Yn it maaienûmer fan Trotwaer hellet Trinus Riemersma út nei myn artikel ‘Fries, het broertje van’ (yn Nicoline van der Sijs (red.). Taaltrots. Purisme in een veertigtal talen; Amsterdam/Antwerpen, 1999). Ek al giet it dêrby om in ‘kollum’, Riemersma syn (ûnsaaklik) stik is sa besiden de wierheid, dat ik der net oan foarbygean kin. Sa wol er ha dat ik him en Feitsma foar ‘gek’ ferklearre ha, ‘ryp foar de psychiater’. Soks is net út myn artikel op te meitsjen: ‘Psychologen zullen dergelijke kwalificaties [it Nederlânsk as ûnder mear “moloch”, “onmenselijk” en “ziekenhuispatiënt” typearje] misschien in verband brengen met onmacht, woede, vernedering, minderwaardigheidsgevoelens of juist hoogmoed. Zonder daar een uitspraak over te willen doen, constateer ik wel dat ze weinig met de werkelijkheid te maken hebben.’ Wat ferwyt Riemersma my fierder? ‘Breuker sitearret [Riemersma en Feitsma] net, mar parafrasearret’; ‘As er [Breuker] in diskusje oangean woe, hie er my [Riemersma] korrekt sitearje moatten’; ‘boppedat jout er [Breuker] net oan wêr't de troch him ferspijde opmerkingen stien ha’. Wat dy opmerkingen oanbelanget, it giet hjirre om dizze passaazje út ‘Fries, het broertje van’: ‘Zo kent de taalkundige en ex-hoogleraar Fries Tony Feitsma het in haar ogen abstracte, van zijn dialecten vervreemde Nederlands de kwalificaties “moloch” en “onmenselijk” toe. Al even bont maakt de letterkundige Trinus Riemersma het, die het Nederlands onder meer typeert als een van alle levenskracht berooide “ziekenhuispatiënt”.’ (s. 86). No haw ik yn 1994 in wiidweidich artikel oer ‘De noarm fan it Frysk en taalideology’ publisearre yn Us Wurk, tydskrift foar frisistyk (jrg. 43, s. 1-27). Yn dat artikel, dat ik (fansels) as ien fan de boarnen by myn stik yn Taaltrots jûn ha, komme op de siden 12-13 út mear foarbylden dizze, yn in brede kontekst pleatste oanhalen út it wurk fan Feitsma (1-4) en Riemersma (5-6) foar: 1 Translation into Dutch (for Frisians the medium par excellence of abstraction); 2 it Hollânsk, sa tige forearme troch syn tokoart oan forbining mei de dialekten; 3 the connotative characteristics of Frisian will give way to the Dutch Moloch; 4 hû meitsje wy dy brief, dy amtlike brief, minder ûnmeensklik os yn it hóllôns?; 5 Standerdisearring is in proses wêrby't in taal op 'e snijtafel lein wurdt en befike en modellearre wurdt neffens it ideaal fan 'e sirurgen. Dy sirurgen binne gjin taalkundigen, yn dy sin dat se aardichheid oan taal of sels leafde foar taal hawwe, se binne net begien mei de pasjint, se misbrûke de pasjint foar har eigen doel: yndruk meitsje, macht útwreidzje; 6 Wa't net yndoktrinearre is troch taalamtners dy't mei tûmstôk en ingster by de libbene taal lâns gonne, sjocht ommers klear dat in standerttaal in sikenhúspasjint is, in taal ferminkt, ferearmoede, amputeare, beregele en beoardere en ynreaun yn in spanlekken. Lit ús it Frysk dôch net koartwjukje ta in ‘standert’, mar út frije flerken fleane litte.

Hoe sa de boarnen net oanjaan en net ‘korrekt’ sitearje? En de parafrazes binne beslist net yn it neidiel fan Riemersma en Feitsma formulearre.

Trotwaer. Jaargang 32 Fuort nei syn (dus optochte) beskuldiging dat ik de boarne(n) fan myn ‘ferspijde opmerkingen’ net jou, sadat er (foar de ûnwittende

Trotwaer. Jaargang 32 258 lêzer) folhâlde kin dat er net wit wêr't dy ‘stien ha’, komt Riemersma hjirmei op 'e lappen: ‘Ik tink foar 't neist dat ik yn in artikel of kollum ferwiisd ha nei in sosjolingwist - ik wit noait mear wa en yn hokker boek’. Riemersma makket it himsels sa wol hiel maklik. Ek hy moat fansels syn útspraken ferantwurdzje kinne. Wat dy troch Riemersma net te finen ‘sosjolingwist’ oangiet: dêr is yn alle gefal yn 'e troch my yn ‘Fries, het broertje van’ oanhelle wurken fan Riemersma gjin spoar fan te bekennen. Riemersma komt yn syn Trotwaer-artikel en Frysk en Frij-kollum mei eigen ‘teoryen’, mar hy sil himsels dochs net as sosjolingwist sjen wolle? Ik sinjalearje dat Riemersma ek yn ‘Altyd wat!’ in a-histoaryske, statyske, romantyske, mar foaral ek benypte fisy op standerttalen (lykas it Nederlânsk) hat: dy binne ‘fan har rykdom oan foarmen berôve en yn 't kesjet reaun’. Hoe kin ien dy't sels skriuwer is, soks úthâlde. Riemersma moat der mar ris oer neitinke hoe't no krekt yn neffens him ‘eigentlik “patologyske” talen’ (wol) hieltiten wer wrâldliteratuer skreaun wurde kin. In lêste punt. ‘Wat is dat foar ezelachtichheid om wittenskip en ideology ta inoar yn opposysje te setten?’, sa stelt Riemersma. Dat is Riemersma syn útlis fan dizze (konkludearjende) sin yn ‘Fries, het broertje van’: ‘Toch weet niet iedere frisist wetenschap en ideologie te scheiden.’ Dy stelling beärgumintearje ik yngeand (en kontrolearber fansels) yn ‘De noarm fan it Frysk en taalideology’ (foaral de siden 15-20 en 20-21). Ik lit dêryn sjen dat der foar ien as Feitsma hielendal gjin probleem is om wittenskip en ideology net útinoar te hâlden, krekt oarsom, sy ferbynt se bewust meiinoar, se stelt (har) frisistysk ûndersyk yn tsjinst fan de Fryske Beweging, fan in ideology dus. Dat is net oars as in foarm fan wittenskiplike sels-diskwalifikaasje te neamen. No bin ik fansels net sá ‘dom’ en sá ‘ezelachtich’ om te tinken dat wittenskip en ideology hielendal neat mei-inoar te krijen hawwe soenen, sa't Riemersma my mar al te graach yn 'e skuon skowe wol. It bûtengewoan komplekse karakter fan de ferhâlding tusken dy beide begripen komt mear as ien kear oan 'e oarder yn it Us Wurk-artikel. Ik jou ien sitaat:

De taak fan de wittenskipper is om de werklikheid objektyf te beskriuwen en te ferklearjen, ek yn it besef dat dy werklikheid noait as sadanich te kennen en dus te beskriuwen en te ferklearjen is. Lykas sein [...]: elke ûndersiker is bûn oan it maatskiplike en kulturele ramt dêr't er yn funksjonearret, dat weardefrij undersyk yn dy sin bestiet net. Dat besef achtsje ik it werklike dilemma foar de wittenskipper. Sa opfette stiet it fêst dat ek myn beskriuwing fan de noarmproblematyk fan it Frysk kleure is. It iennichste ferwar dat men dêrtsjin hat, is besykje om sa objektyf mooglik te wêzen.

Ta beslút. Myn analyze yn Us Wurk fan de (sterk en soms mei sin ideologysk kleure) opfettingen fan Riemersma, Feitsma en oare Bewegers oer it Frysk, it Nederlânsk en de wittenskip is yndertiid net troch har (of oaren) wjerlein. No wierret Riemersma him yn in Trotwaer-kollum op my út. Ek wer hiel maklik. Ik noegje him en oaren út om op in passender plak (wêrom net yn Us Wurk?) en uteraard op nivo doch noch fan har hearre te litten. It ferdraaien en negearjen fan ynformaasje dy't jin net past, is in deasûnde yn 'e wittenskip. Pieter Breuker

Trotwaer. Jaargang 32 259

Gjin poat om op te stean

Wat wer in kostlik staaltsje Riemersma-humor, yn dat aprilnûmer fan Trotwaer, net! En dat alhiel op eigen kréft, moatte we oannimme, want neffens de krante sit humor net yn 'e genen. Riemersma sitearret omtrint in hiele alinea fan myin Oesdrip-stikje nei oanlieding fan de earste Omrop Fryislân tv-útstjoering oer de Fryske Boekewike. ‘Yn De Noasdrip, húsorgaan fan it Skriuwersboun, seit Koop Scholten...’ Hoe komt er derop: De Noasdrip! Soe men jin net bemige? Ivich skande dat dy iene helte fan de Oesdriplêzers dy't Trotwaer noch net lést dat no misse moatten hat. Foar it sarkastysk sauske dat ik dit stikje mei besykje te jaan hie 't faaks better west en brûk ‘de hear Riemersma’. Mar fuort mar. Ditsoarte reaksjes op elkoars stikjes yn mar selden ferskinende periodykjes hat fansels doch kwalik sin, mar ja, men hoecht jin ek net troch Trinus op 'e kop skite te litten. Jim sjogge 't: 'k ha my syn wurdkar al aardich eigenmakke. Hy pakt nochal wat út, hear! Hy hinget ek fan alles op oan dat iene sitaatsje. Suggerearret suver wat, dat ik fia dat ‘húsorgaan’ in offisjeel Skriuwersbounstanpunt útwierje wold hawwe soe. ‘Binne de leden fan it Skriuwersboun ferlettefoldoggers fan it lamliddige lézerspubl>ik? Dan sit ik ferdomd foar de tredde kear by de ferkearde klub!’ Earme jonge. In tûk lêzerke as him kin myn tekst dochs net sa misfette ha dat er aI dy ferskynsels derby sleept, oant de tsjinstelling folksaardige en ‘hege’ literatuer oan ta? Hy hat, al of net mei sin, te min sitearre. It begjin fan dy alinea wie sa: ‘It Fryske lêzerspublyk bekroadet him net om dy belegen kribbekeurichheden fan 'e KU oer It Fryske Boek, dy't Teije Brattinga nochris wjerkôge.’ Dat sloech dus ek dúdlik op 'e ynhâld fan dy tv-útstjoering, dy't ik kritysk hifke. 't Hie dan ek hiel sinfol west - en foar in earlike diskusje ek sonder mear needsaaklik - dat Trinus de earste sin fan de folgjende alinea ek eefkes oanhelle hie. Dy wie: ‘Hat dat programma dat no dien?’ Yn 't fierdere ferrin gean ik dan nei wat der oan ynformaasje oer boeken foar ‘De doelgroep fan sljochtweihinne Frysk-lêzers’ ferskaft waard. Dy falt moai grif aardich 1yk te slaan mei de tv-skôgers dy't Sjoerd Bottema op side 141 fan datselde Trotwaernûmer beskriuwt: ‘Omrop Fr>islân is dêrmei echt in brede publike omrop wurden, mei in soad ôfwaaid praat fan en foar âlde wiven. Fan beide seksen fansels.’ Om't de jeugd net folle belangstelling hat bliuwt der oer: ‘in al wat âlder publyk dat nei de regionale omrop harket en sjocht’. D>i lêste karakteristyk hat Sjoerd dan wer opdien by Piet Hemminga, meiwurker oan Omrop Fryslân/Under ien dak, dat onder 't kopke ‘In freoneboek’ troch him besprutsen wurdt. Oer ferletbefrediging troch skrïúwers ha ik dus net rept en oer ferletbefrediging ‘fan sokke luie soademiters’ troch it Skriuwersboun alhielendal net. Boppedat wie 't hiele stik op persoanlike titel. Dat wêr't Trinus de rjocht-feardiging fine wol fan al dy stokken dy't er oer al dy derbyskuorde rêgen hinne hellet, is my in riedsel. Hy hat gjin poat om op te stean! As 't in keardel is, ferantwurdet er him yn de kommende Oesdrip. Koop C. Scholten

Trotwaer. Jaargang 32 260

Nije útjeften

Nije Frysktalige útjeften yn it tiidrek 1 maart - 1 maaie 2000. Oanfollings binne wolkom by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Grutte Tsjerkestrjitte 212, 8911 EG LJOUWERT; 058 2120834, [email protected].

Belletry

- Hylke Speerstra, It wrede paradys. 5e prinlinge. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 456 siden, f 39,50

Berneboeken

- Jet Boeke, Wêr is Dikkie Dik? Tekst fan Arthur van Norden. Fryske oersetting: Hermien van der Meer. Afûk, Ljouwert. n.p., f 15,00 - Wolfgang Metzger, Kranen, kypauto's en folle mear. Tekst fan Andrea Erne. Fryske oersetting: Gerda van der Wijk. Afûk, Ljouwert. n.p., f 24,90

Ferskaat

- Boekefersoarging fan Fryske boeken. Sympoasium hâlden op sneon 8 april 2000 yn De Skierstins te Feanwâlden. BYSKRIFTEN nûmer 29. Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Ljouwert. 57 siden, f 7,50 - Ph.H. Breuker, Konst voedt 's menschen geluk. It Makkumer dichtgenoatskip (1773-1777). Statum-rige 3. FA-nr. 872. Fryske Akademy, Ljouwert/Stichting Ald Makkum, Makkum. 159 siden, f 25,00 - R. de Haan, Terminology fan de saakfakken. Fryske Akademy, Ljouwert. 274 siden, f 43,50 (foar leden en stipers f 41,00) - L.G. Jansma, Libbensskôging yn Fryslân. FA-nû. 900 (sosjaal-wittenskiplike rige nû. 14). Fryske Akademy, Ljouwert. 242 siden, f 40,50 (foar leden en stipers f 38,50) - Kadastrale Atlas fan Fryslân 1832, diel 9, Wûnseradiel-Noard en Boalsert. J.H.P. van der Vaart en S. Talsma. Akademynûmer 881. Fryske Akademy, Ljouwert. 170 siden + 65 losse kaarten, mei de Prekadastrale Atlas f 60,00 (foar leden en stipers f 55,00) - Kadastrale Atlas fan Fryslân 1832, diel 10, Wûnseradiel-Súd. J.H.P. van der Vaart en S. Talsma. Akademynûmer 883. Fryske Akademy, Ljouwert. 146 siden + 52 losse kaarten, mei de Prekadastale Atlas f 60,00 (foar leden en stipers f 55,00)

Trotwaer. Jaargang 32 - Kramers Woordenboek, Fries. Nederlands-Fries en Fries-Nederlands oorspronkelijk Van Goor's klein Fries woordenboek H. Pebesma herzien en uitgebreid door A. Zantema. Achtste druk. Herzien door Dick Eisma. Afûk, Ljouwert/Elsevier, Amsterdam. 386 siden, f 19,50 - Literatuerrûte Ljouwerteradiel. Kultuerried Ljouwerteradiel, Stiens. 64 siden, f? - De (oantroude) famylje fan de Halbertsma's. BYSRRIFTEN nûmer 28. Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Ljouwert. 170 siden, f 15,00 - Prekadastrale Atlas fan Fryslân 1700/1640, diel 9, Wûnseradiel-Noard en Boalsert. J.A. Mol en P.N. Noomen. Akademy-nûmer 880. Fryske Akademy, Ljouwert. 158 siden, mei de Prekadastrale Atlas f 60,00 (foar leden en stipers f 55,00) - Prekadastrale Atlas fan Fryslân 1700/1640, diel 10, Wûnseradiel-Súd. J.A. Mol en P.N. Noomen. Akademynûmer 882. Fryske Akademy, Ljouwert. 158 siden, mei de Kadastrale Atlas f 60,00 (foar leden en stipers f 55,00) - Tineke Steenmeijer-Wielenga, A Garden Full of Song... Frisian Literature in Text and Image. Ingelske oersetting: Sander Warmerdam. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. FLMD, Ljouwert. 47 siden, f 10,00 (op it museum, oars f 12,50) - Tineke Steenmeijer-Wielenga, Ein Garten voller Gesang... Friesische Literatuer in Dokument und Bild. Dútske oersetting: Jantsje Post. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. FLMD, Ljouwert. 47 siden, f 10,00 (op it museum, oars f 12,50) - Tineke Steenmeijer-Wielenga, In hôf vol sang... Fryske literatuer yn dokumint en print. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. FLMD, Ljouwert. 47 siden, f 10,00 (op it museum, oars f 12,50) - Winsum 1900-2000. In byld fan in doarp. Eigen behear, Winsum.? siden, f?

Neikommen 1999 Berneboek

- Jelle Bangma en Riemkje Hoogland-Pitstra, Ikke. Yll.: Marijke Klompmaker. Muzyk: Meindert Bosklopper. GCOfryslân, Ljouwert. 112 siden, f 39,90

Ferskaat

- Tineke Steenmeijer-Wielenga, Een hof vol zang... Friese literatuur in document en prent. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. FLMD, Ljouwert. 47 siden, f 10,00 (op it museum, oars f 12,50)

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant achterplat

Meiwurkers

Sjoerd van Aalsum (1951) hat in eigen bedriuw yn Internettsjinsten. Henry J. Baron (1934) emigrearre yn 1948 mei syn famylje fan de Grinzer Pein nei Amearika. Wie learaar en is sûnt 1998 Professor of English Emeritus oan Calvin College, University of Michigan. Is de haadpersoan fan it haadstik ‘Crescendo’ yn Hylke Speerstra syn emigranteboek It wrede paradys. Makke ûnder de titel The Trap in oersetting fan De fûke fan Rink van der Velde. Meikoarten ferskynt in Ingelske oersetting fan in samling Fryske ferhalen. Hans Brans (Nijmegen 1951) ging, mislukt als scholier en als katholiek, in 1969 naar het goddeloze Amsterdam. Studeerde na het avondgymnasium wijsbegeerte en theaterwetenschappen. Speelde bij het studententoneel en gaf les aan de Theaterschool. Woont en werkt sinds 1991 in Friesland. Is bij Keunstwurk in dienst als dramaturg voor het amateurtoneel en voor de bevordering van de (Friese) toneelschrijverij. Schreef o.a. artikelen op het gebied van theater, recensies voor de Leeuwarder Courant en enkele toneelstukken. Ulke Brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Hy fertsjintwurdiget de tredde generaasje út it Brolsma's laach dy't him dwaande hâldt mei Frysk skriuwen. Debutearre ferline jier yn Trotwaer mei it ferhaal ‘It hûs’. Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. Huub Mous (1947), keunsthistoarikus, is as konsulint foar byldzjende keunst ferbûn oan Keunstwurk en direkteur fan it Frysk Festival. Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhaleboudel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. Albertina Soepboer (1969) wennet yn Grins en libbet fan de pin. Publisearre de bondels Gearslach, De twirre yn 'e tiid, De hengstenvrouw (Nederlânsk), It nachtlân/Het nachtland (twatalich) en De Stobbewylch. Sette it Baskyske berueboek Mari-Marietta oer en skreau foarich jier in ienakter foar jongerein. Is dosint oan de Skriuwersskoalle yn Grins en wurket as free-lance publisist. Frans Steenmeijer (Den Haach, 1939) studearre teoretyske fysika en is learaar natuerkunde. Wie deputearre fan de Provinsje Fryslân en is no wethâlder fan

Trotwaer. Jaargang 32 Eaststellingwerf. Foarich jier ferskynde syn debût, Moard yn it Provinsjehûs, dat er tegearre mei Tineke Steenmeijer-Wielenga skreau. Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) studearre Nederlânsk en Frysk, is direkteur fan it FLMD, wie resinsint Fryske literatuer by de LC, publisearre in dichtbondel, in roman en literêr-histoaryske skôgings. Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlânske romans, toanielstikken en dokumintêres. Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtboudels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995).

(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant voorplat

[Nummer 6]

Wer op it wrâldwide net Fan juny 1998 oant oktober 1999 waard alle moannen in seleksje út it nijste nûmer publisearre op Ynternet. Tanksij de meiwurking fan Goaitsen van der Vliet dy't dêr op de site fan syn Oare útjouwerij romte foar frijmakke. Spitigernôch moast er der ein foarich jier mei ophâlde. Sûnt mids juny is Trotwaer wer op it wrâldwide net te finen. It adres is: http://trotwaer.cjb.net. Us nije webmaster Eeltsje de Vries, kompjûterman fan de earste oere, hat der in moai sobere en stylfolle side fan makke. Neist Trotwaer Digitaal (foar langere reaksjes en eigen bydragen) is der no ek in ynteraktive diskusjerubryk.

Trotwaer. Jaargang 32 261

Dwersreed Jitske Kingma

It gedicht

Wy hiene it oer boeken, lykas meastal. Wat wy beide 't lêst lêzen hiene, wat ús it beste foldien hie en wêr't wy meikoarten oan begjinne soene. Hy ferkundige geregeld de miening fan it lêste boek dat er lêzen hie. En ik krige wolris wat tefolle rotsoai ûnder eagen. Dat wy hiene it benammen oer literêre standert. Fine je allinne goed wat tafallich ûnder je oandacht komt? En bliuwe je skerp as je net op syn minst ienris yn 'e moanne in topper lêze. En wat is in topper? Ik fertelde oer it boek fan Ed van Eeden, Literaire smaakmakers. Uitgevers en hun favoriete boeken. It haadstik dat my it measte oansprutsen hie, hie as titel ‘Dramatische missers en denderende successen’. Oft literatuer werkend waard as kwaliteit, men hie der gjin sizzen fan. Sa'n Mulisch, fan wa't it earste manuskript yn 1951 ôfwiisd waard. In Pauline Slot, it bêstferkochte debut fan 1999, dy't earst in wegering fan Contact en Meulenhoff krigen hie. In Isabel Allende, dy't kear op kear ôfwiisd waard en no suver op eigen krêft de hiele Wereldbibliotheek draaiende hâldt. Robert Ludlum en Tom Clancy, dy't yn Nederlân earst gjin poat oan 'e grûn krigen. En sa'n Paardenfluisteraar, dêr't je as útjouwer net mear as f 25.000 foar de oersetrjochten jaan wolle, mar dêr't nei de film mei Robert Redford minsken foar yn 'e rige steane by de boekhannel. De tiid dêr't it yn presintearre wurdt, de sfear en it plak binne gauris krekt like wichtige of miskien sels noch wol wichtiger redenen om fan in boek in bestseller te meitsjen. Hy socht altyd om mystearje. Immen dy't je op 'e ferkearde skonk sette, immen dy't in útkôge ûnderwerp nij libben joech en konklúzjes dy't syn wrâldbyld trochinoar skodden. Sokke boeken fûn er goed. Njonken ús siet in man dy't foar it wykmenu keazen hie. Hy iet der smaaklik fan. Earst in kop sop, doe it haadgerjocht en in puddinkje nei. Dêr wie er krekt noch net oan ta doe't er wakker begûn te knikken. Hy hie al tiden nei ús sjoen en no grypte er syn kâns om mei te praten. ‘Is 't net sa?’ sei ik. ‘Ja. It giet der om dat de saken hiel oars wêze kinne as dat se lykje’. Hy kaam krekt by syn heit wei, dy't yn 'e Ielannen wenne en yn 'e bernskens rekke wie. De âld man hie der dy middeis op út wold en de soan moast ride. It wie in hiel trelit. Om him yn 'e auto te krijen. Mar benammen om der efter te kommen wêr't er hinne woe. Lang om let waard it dúdlik dat it om in jeugdfreondinne gong. Want oer syn frou, mei wa't er langer as in minskelibben troud west hie, hie er it al lang net mear. Soan hie it minske ek noch fûn. Wenne noch altyd yn Snits, op harsels en koe har âld freon noch wol. Se hiene in healoere yn 'e auto sitten te praten. Heit wie wakker op 't skik op 'e weromreis en prottele net iens doe't er der wer út moast. It oantinken oan dit treffen bleau him langer by as al de oare dingen fan de lêste tiid. It hie in djippe yndruk op 'e soan makke, dat âlde leafde sa gau werom wie. ‘Mar oan dizze tafel, dêr't jimme no sitte, hie 'k sels hast myn frou ûntrou west’. Hy wenne yn 't westen en hie foar in ôfspraak in taffeltsje yn dit restaurant reservearre. It hie in jûn west fan nuvere magy. Oan iten

Trotwaer. Jaargang 32 262 wiene se hast net takommen, gongen folslein yninoar op en doe't se fuortgong hie de frou him trije tuten jûn. Ien lofts, ien rjochts en ien op de mûle. Hy wie te lullich om har werom te tútsjen, mar thús hie er in gedicht foar har skreaun. Syn frou hie der lilk om west, want dat hie er foar har noch nea dien. En syn ôfspraakje hie kûgelsk reagearre. Se sei dat it better wie dat se inoar yn 't earstoan net mear sjen soene. ‘Begripe jim dat no?’ ‘Jo hiene har weromtútsje moatten,’ sei ik. ‘Jo kamen op har terrein,’ sei myn skriuwfreon. ‘En der sieten ek trije fouten yn 't gedicht,’ sei de man. ‘Dy hiene der earst even út moatten,’ sei myn freon, ‘dat is in mislediging.’ ‘Dêr gong it dochs net om. Pak sa'n kâns,’ sei ik. ‘Mar myn frou dan?’ sei er. ‘Hie dy de fouten sjoen?’ frege myn freon. ‘Nee.’ ‘No dan,’ sei ik, ‘mar jo hiene it har foarlêze moatten. It plak, de sfear, de tiid binne faak krekt like wichtich as de wurden.’ De man seach my oan, lei syn hân op mines en sei: ‘Ast no noch even bliuwst dan skriuw ik in gedicht foar dy.’ ‘Dan wol ik der wol in fout yn ha,’ sei ik. ‘Kom mei, wy moatte fuort,’ sei myn freon. ‘Dit praat stiet my net oan.’ Wy gongen alle trije stean en ik joech de man in waarme tút. Hy wie te lullich om my werom te tútsjen.

Trotwaer. Jaargang 32 263

De Fryske poëzy yn it lêst fan de 20e ieu (1985-2000) De flecht en de bút Piter Yedema

In ynlieding

De fragen bestoarmje jin as men de ferearjende opdracht dieleftich wurdt om in skôging te jaan oer de Fryske poëzy yn it lest fan de foarige ieu. Der binne earst al de twifels oer de eigen feardichheden om sa'n taak oan te kinnen. In gedichtsje besprekke is dêroan ta, mar under hokker gesichtspunten besjoch ik de hiele bringst poëtyske ferskynsels yn dat rynsk rispjend tiidrek? Hoe ûnúteachber is dat fjild wol net? Twifels bliuwe bestean en by myn beslút om dochs de ‘omgong en trochtocht’ troch it fjild te weagjen, wol ik net ferswije dat it my mooglik en oan te rieden talike om de twadde fraach by de earste oan te passen. Men kin no ienris net fierder springe as de eigen pols, dat leit beheiningen op. Ik wol net sa fier gean as R.R. van der Leest, dy't yn it lêste ferske fan syn lêste bundel, ûnder de titel ‘By in útstalling fan Fryske poëzij’ skriuwt: ‘men kin it bytsje wer / dat oan jin eigen is // mar bliuwt in frjemd / foar al it oare / dêr't men gjin diel oan hat/ en nea net hawwe sil...’, want de hiele aardichheid is fansels om jins eigen foarkar wat reedlik te motivearjen en ek ris te besykjen om jins tsjinnichheid ris ûnder wurden te bringen. In skiednis skriuwe hâldt noch wol wat mear yn as dat, en in oar uterste soe wêze as ik hjir oankaam mei de folsleine listen, de jiertallen, de leeftyd fan debutanten, de útjeftefrekwinsje, de hiele rimram fan sifers en útdraaiings. Sa dus ek net. Fan in skiednis, dêr't de opdracht dochs op oanstie, mei frege wurde om de ûntjouwingen, de haad- en sydfigueren, de wikselwurkingen, it ferskaat oan kreativiteit yn it fjild oan te wizen en te beneamen en om dan faaks ta in ynterpretaasje te kommen. Mar mei dit nommel stribjen kin it net de bedoeling wêze om alhiel ôf te sjen fan eigen smaak en oanfielen, fral ek om't it ûnderwerp jin krekt op dy dingen oansprekt.

Soe der in algemiene karakteristyk te jaan wêze fan de ein-tweintichste-ieuske perioade dêr't it hjir oer gean moat? Kulturele ferskynsels spylje har net yn in luchtliddich ôf, mar yn in wider en wiidst ramt dêr't ynfloeden weikomme, en dêr't men jin faaks ek foar ôfslute kin. Ik soe ús tiidrek dan mei Thijs Wöltgens ‘postmuraal’ en ‘postmodern’ neame wolle, in tiid dêr't de skiedslinen tusken de tinkramten en kultueren stadich yn weiwurde en dêr't plak yn ûntstiet foar in yndividualisme dat skeptysk stiet tsjin alle Grutte Ferhalen en idealen oer. Yn hoefier sokke ynfloeden fan tekst ta tekst fan belang binne moat in kompetinter persoan mar ris oer gear, foar my is it algemiene byld fan belang dat kollektive benaderingen fan de werklikheid, út it godstsjinstige, it politike en dus ek út it etnysk-Fryske wei as achterhelle beskôge wurde moatte. Ik kin dus net meigean yn de fersuchting dy't Jan Germs (Jan Jongsma) docht yn syn bundel Lân fan romte: ‘krekt yn in / Frysk boek / leit de tinkwrâld / ynienen /

Trotwaer. Jaargang 32 folle tichterby’. Al soe it allinne mar wêze om my net frij te pleitsjen om it te ferklearjen as it bart, en dêr-

Trotwaer. Jaargang 32 264 om bart, en om net te ferswijen dat it sa faak net bart.

Lykas oare dissiplines as bou- en skilderkeunst, muzyk en toaniel, hat ek de dichtkeunst in wiidfersprate folksaardige beoefening fûn, mar dêr't de skiedslinen yn dy oare keunsten maklik werkenber binne as profesjoneel-amateur en bygelyks frij-tapast ensfh., lizze dy yn de poëzy op dy wize wat minder dúdlik. It kin wat willekeurich lykje as ik it únderskied lis by dichtwurk dat yn tydskriften ferskynt en besprutsen wurdt, dat foar publikaasje in útjouwer en subsydzje fynt, om't it dan yn feite uterlike saken binne dy't it ferskil útmeitsje tusken rûchwei sein keunst en kitsch. Ik sil my der ek net altyd oan hâlde, mar ik stel wol fêst dat dy skiedsline, hoe willekeurich ek, eins net omstriden is. Net eltsenien hat no ienris de ambysje om dy wei te gean, hoewol't soks altyd mooglik is, want ‘wy dichters’, sei Jo Smit al, ‘binne allegear mar pielers’, dat wa sil in oar keare. De beide sfearen libje fredich nêst elkoar op 'e planken yn 'e bibleteek, op 'e listen fan de Provinsjale Biblioteek en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dy't my yn ferbân mei dit stik tastjoerd waarden. Se steure mekoar krekt likemin as in draai-oargel by it Concertgebouw, of it postkantoor by de Aldehou. De leafhawwer wit wêr't er op lette moat.

In trochtocht

Hoewol er om ûnbekende reden net foar subsydzje yn 'e beneaming kaam - in ôfwizing dy't de dichter spitigernôch serieus nommen hat en brui it dichtsjen derhinne -, befettet de bundel Winterkriik fan Geart fan der Mear de eleminten dy't de betsjoening útmeitsje fan poëzy mei bewust artistike pretinsje en ambysje. De bundel is nei de foarm ien syklus fan 25 sonnetten, dêr't dizze dichtfoarm jitris mei yn omtinken brocht waard. Letter ferskynden mear bundels mei allinne sonnetten, mar de foarm hat net wer it oerwicht krigen dat hja hie yn de Jongfryske tiid. Wol kin steld wurde dat mei troch it krewearjen fan Fan der Mear it omtinken foar de formele kanten fan poëzy tanaam. It rym is, nei in lang skoft doe't it hast kenmerk wurden wie fan plezier- en folksdichtsjen, werom by serieuze dichters en gâns nije bundels besteane langer út in miks fan frije en bûne foarmen, dêr't ek mei oanjûn is dat maniërisme en foarmtwang amper bod krije. Ek ynhâldlik sette Fan der Mear in koerts út dy't letter foar oaren farber bliek te wêzen. Yn de trochgeande lykbliuwende foarm komt in uterste oan selsbeskôging ta wurd, dy't sa faak troch ûndichterlike natueren as nâlestoarderij ôfdien wurdt. Poëzy is hjir it fehikel fan emoasjes, sa't dy fral yn jonge jierren de dichter besetten. Leafde en ôfkear uteraard, mar ek al de eangst en de grutte ferlieding fan de dea. Dúdlik is dat it libben hjir as in probleem opfette wurdt, net eat dat samar, yn al syn tydlikens en flechtigens akseptearre wurde kin. De dichter siket út alle macht nei it positive en om't de grutte sinjouwingskompleksen - godstsjinst, karriêre ensfh. - leechrûn binne, sûcht er him fêst oan de ekstazes fan keunst en it lichaamlike. Strakke foarmen kinne nêst frije fersen bestean, dat toant Syds Wiersma oan yn syn bundel Alles wat ik net betinke woe. Hy hat ek ien kear bundele yn de perioade en dat fernuvert, om't syn wurk eins om fuortsetting freget, mear as dat fan Fan der Mear, dat mei it ‘traktaat’ Winterkriik in ôfsluting fûn liket te hawwen.

Trotwaer. Jaargang 32 Langst en eangst foar de dea spylje by Wiersma yn syn titelfers, dat byldryk is en frij nei de foarm. De nachtrein lokket him nei bûten, yn 'e

Trotwaer. Jaargang 32 265 iepen doar. Achter him it hûs, it libben, wat er betocht hat en wat ûnbewenber blykt te wêzen, mar it swarte gat fan de bûtendoar woe er net yngean: ‘Nachtrein rûst op alles / wat ik net betinke woe.’ Syn toan is waarm, it ritme breed en tagedien en hy hat in wûndere helderheid yn syn bylden gauris út it eartiids mar ek út it hjoed. It oare bûten him, it frjemde, de takomst - net te betinken - lûkt him dochs oan en it sonnet ‘Fertize’ mei in hiel moaie fal fan de fjouwer- nei de trijerigels, beslút er reslút mei: ‘Ik stap op 'e fyts en folgje myn ynstinkt.’ Foarm en ynhâld, bûn en frij, it lykje begripen te wêzen dêr't nei eigen goedtinken mei skikt wurde kin, as hie de dichter oars net te dwaan as de wurden en de krollen teplak te krijen foar eat dat er al yn 'e holle hat. It ûnheil fan makwurk leit dan op 'e loer en driget ta te slaan as it ideaal fan it totale gedicht dat him as ûnferbidlik wêzen oantsjinnet, ‘iepen en hurd’, net mear field wurdt. By Beart Oosterhaven - ek mei ien bundel, In leechfermidden, yn ús perioade fertsjintwurdige - kin men lêze hoe't in fers om te ûntstean de dichter oanpakt: ta it fers

dyn kommen is yn lette jûnen 't sinjaal fan branningyn 'e floed dyn oerstadich fier omtyskjen barst ynienen troch it glês fan swier beslein beskonken ruten fan waarme kleden iepenhurd iepen hurd is dyn ferkringen fan waanwurklikheid en waas wer leist de wrok hjir op 'e tafel wer wiist it wêzen fan de wraak

De privee-noflikens fan it glês, de gerdinen, de iepenhurd, gearfette as waan en waas, wurdt wreed op ynbatst troch de natoerkrêft fan de poëzy. Moaiens en loksillige mominten, trochstrings sa ûnmisber foar it sjenre, moatte oan kant om plak te meitsjen foar wierheid, hjir yn 'e opskerpe foarm fan wrok en wraak. De wierheid hat it bekende skelle lûd. By har rinkelbel huverje poëtyske foarmen en lyryske ego's fan ûnwennigens yn elkoar. De grime libbet noch en lit fan him hearre. Yn alle oandwaanlike knoffeligens is er presint yn it bundeltsje fan Tsjisse Hettema, mar dochs:

ik doch alle wierheden op de souwe fan myn praktysk selsmeilijen oer yn myn privee jarretank

en spuitsje God de bûsen fol

De grime libbet noch, de ûniensens, it ferset, it net-solidêre, it hopeleaze. Men soe sizze dêr rêdt de wolfeartsteat mei en jou dy del. Ien jier lang alle sneintemiddeis

Trotwaer. Jaargang 32 oan 'e Frjentsjerterfeart, dan hast ek in dichtbundel by mekoar. Sereniteit en ôfstanlikens binne dochs ek wearden. Skientme en treast, en lit de rest mar sitte. In trochbraak fan grime oantinkens, bylden, fan woede en wrok is de bundel Lyts ferdomme fan Benny Holtrop. Der binne yn 'e perioade nochal wat gedichten ferskynd mei it âlder-bern-tema en hoewol de waarmtegraad fan de beskreaune relaasje wol ferskillend is, is er dochs meast posityf. Net sa by Holtrop dy't it oandoard hat en brek it memme-ideaal fan klearebare tagedienens ôf mei ferbjusterjende skerpte en krêft. It hat suver wat fan in obsessy, sa rigoereus en wis giet

Trotwaer. Jaargang 32 266 er te wurk en in inkel hiel lyts flutske werkenning makket it gehiel allinne noch mar tryster en bitterder. Wa is hjir oan it wurd, wol men freegje. Is it de soan dy't syn mem hate, of is it in dichter yn fûleindige byldestoarm? Haat en leafde lykwols, lizze ticht by mekoar en men fernielt faaks wat men net krije kin. Dochs is dit lyts ferdomme fansels wol in grouwélige flok, en kin alsa geniete wurde. Utering fan negative gefoelens, fan wearze en walging, wurdt trochstrings earder as oprjocht en persoanlik opfette as de utering fan de saneamde moaie, mar fagere fielings. By Cor van der Wal, dy't mei twa wichtige bundels útkaam, haw ik soms it dûbele gefoel dat ik yn neifolging fan de dichter it absurde, it ferbeane en rotte, it sike dat er oansleept, as sadanich genietsje moat. Hy leit syn nocht oan shockearjen der wat te tsjok boppe-op en dat komt de oprjochtens fan de bedoeling net te goede.

In omgong

Yn dit stik kin út soarte net foarbygien wurde oan de Grutte Dichters, mei de grutte nammen en it grutte oeuvre, hoewol yn Fryslân sokke saken tige betreklik binne en dêr wrachjes net allinne. Yn de perioade binne de samle gedichten, mei meast in kreaze ynlieding en ferantwurding, útkommen fan, yn alfabetyske folchoarder: Wibren Altena, Froukje Annema, Lieuwe Hornstra, Anne Jousma, Douwe Kalma, Douwe Kiestra, Tiny Mulder, Tsjits Peanstra, Trinus Riemersma, Sjoerd Spanninga en G.N.Visser, dêr't spitigernôch de namme Jan Wybenga noch by ûntbrekt. Der binne gâns útjeften ta stân kommen yn de foarm fan samlingen fan besteand en nij dichtwurk, soms keppele om in tema hinne as: Gers, Wetter, Stiltme. In wichtich barren wie ek it útkommen fan de Spiegel van de Friese Poëzie yn '94, mei in knappe ynlieding fan Teake Oppewal. Wy hawwe de suver komeeteftige trochbraak belibbe fan dichter-deklamator Tsjêbbe Hettinga, it opljochtsjen fan de nije stjer Albertina Soepboer en it geduerich as yn planetebanen nij ferskinend wurk fan Baukje Wytsma, Jacobus Q. Smink en Harmen Wind. It wiist allegear net sa min faaks as men de positive feitlikens op it mêd besjocht en rekkenje dêrby ek nochris de smoarfolle Harmony ta eare fan de 90-jierrige dichtersfoarst Douwe Tamminga yn novimber '99.

It foardragen fan gedichten troch de dichters sels, op boekejûnen en oare manifestaasjes, hat by ús terjochte in moai lange tradysje. It klanklichem fan in fers kriget troch en yn de stim no ienris better syn gerak, de sfear en de eigenheid fan gedicht en makker komt ynkringender oer it fuotljocht. Tsjêbbe Hettinga behearsket dizze keunst op frijwol unike wize en it wie in boppeslach om him by de Frankfurter Buchmesse yn '93 op it poadium te bringen. De rop en rom fan syn sensasjoneel optreden waard foaral troch de lanlike parse ferspraat, in unyk feit. It noftere Fryslân moast ek belies jaan, doe't er de iepening

Trotwaer. Jaargang 32 fan it Frysk Festival 1995 fersoarge mei de glânzjende foardracht fan syn eigen fertaling fan Whitman syn Salút au Monde. Hettinga hat yn 'e perfeksje oantoand hoe't poëzy, nei it wurd fan Nijhoff, har lossjongt fan de werklikheid. Syn deklamaasje komt yn 'e buert fan in aria sûnder begelieding, dêr't alle registers fan de taalmuzyk - de donkere twalûden en heldere i's en ij's, de langrutsen nasalen en de spetterjende t's en s-en, yn in ferfrjemdzjende sinsmelody - by iepenlutsen wurde.

Trotwaer. Jaargang 32 267

Dichters oan it wurk: Tsjits Peanstra en Baukje Wytsma op in Skriuwerswykein yn Koartehimmen, 1984. (foto argyf FLMD/Douwe Kootstra)

Dochs beslacht syn produksje yn de perioade mar ien bundel, Under seefûgels / de kust út '92. Gâns krewearjen hat er lykwols hân mei de oersettingen dêrfan yn it Nederlânsk, it Dútsk en Ingelsk, fral mei it each op projeksje fan dy teksten by syn optredens om utens, oer de lânsgrinzen hinne en foar by syn CD, ek al in moai nij ferskynsel. Dochs is syn wurk net alhiel ûnomstriden. De media koene har útskroevenens net dalik dokumintearje mei jûchhei-kritiken út de Fryske rûnten sels. De steatlike rôffûgel wie hjir ûnder de protters nei alle gedachten noch net bare opfallen. De diskusje rint noch, mar tusken brûs en skom èn it wurk fan Dylan Thomas en Derek Walcott is romte genôch om del te striken. Hettinga syn rop heale Europa oer hinget gear mei it byld fan de argayske bline bard dy't it Frysk blykber dochs oproppe kin, want ferdomd wier ja, it Frysk is in oerâlde taal en dat besef by te bringen is noait wei. Hy is eins ús Ossian ûnder eigen namme. Albertina Soepboer hat dy pree net dat se in mytysk Fryslân opropt om mei de grins oer. Se ûntwikkelt har hieltyd mear yn in soarte dizich oanfielde ‘wrâld’-poëzy nei eigen bestek, dêr't it bertelân, yn foarkommend gefal, in slim wynderige en reingisele úthoeke fan útmakket. Har gedichten ferminge har mei ûntlieningen en si-

Trotwaer. Jaargang 32 268 taten út 'e byldzjende keunst, út 'e nije muzyk en popsongs, út it wurk fan mystisy en ferneamde dichters, mei tige wikseljend resultaat. Der giet in rop fan de erotyske ladenens fan har gedichten en yn dat ferbân wurdt gauris ‘De hynstemuze’ út De twirre yn 'e tiid oanhelle. Mar nei rigels as: ‘Ik bin net by steat en slach him dea, / nee, ik sit op 'e knibbels, iepenje my.’ is it slim jin fierder noch wat begearliks of opwinends foar te stellen. Har lading sit foarearst noch opskipe mei in moai protsje ûnsaaklike pretinsje. Op it mêd fan de erotyk is it fral it wurk fan Baukje Wytsma en Jacobus Q. Smink dat der útkypt. Wytsma beskriuwt yn in fers it foarbytsjen fan minners as wolkeformaasjes dy't oer de langjende sinnebaaister hinnegean. Yn har lêste bundel Thúslûd siket men fergees om sokke sterke bylden en fielings en liket ek de spanning en ienheid ferbroazele. Smink komt nei syn lichtfuottige eksploaten mei de famkes ynklusyf sierlik omfladderjend ‘lingerich tekstyl’ mei in derynhouwende bundel under de anagram-titel Minsk(e)-gedichten. Eppie Dam liket him yn syn lêste bundels te ûntwikkeljen ta in earsten plezierdichter, dy't mei komposysjes as ‘codicil’ en ‘lyts lofliet op 'e fyts’ sels de foarlopich ûnoantaastbere master Wibren Altena nei de kroane driicht te stekken. Hy hat lykwols de yntellektuele bagaazje om ek trinten oan selsbespegeling te dwaan en alsa it dichterlik hantwurk mei in skalk each te skôgjen yn it langere gedicht ‘De hûnsdagen’ yn de bundel mei deselde namme.

In ôfsluting

In skiednis te jaan fan sa'n yndividueel medium as poëzy moat hast wol ferrinne yn in opsomming, yn it opfangen fan stimmen mids in kakafony, it bloeie litten fan tûzen roazen. En sels al soe ik likefolle romte ha as Radboud Fokkema, ik soe net fierder komme as wat de titel fan syn skiednis fan de Nederlânske poëzy sûnt 1945 al seit: ‘Aan de mond van al die rivieren’, wêrby't it wichtiger is al dy streamkes te beneamen as de see te skôgjen dêr't se allegear op útkomme. Dochs moat der ferfal wêze, in boarne en in frije útrin om net yn 'e sompe te bedarjen, en dat needsaaklik mienskiplike is slim te beneamen. My tinkt dat yn ús ûnderwerp, de Fryske poëzy, beide dingen, de Fryskens en de dichtkeunst, ûnferbrekber keppele binne, as by in mûzefalk de wjukken foar de frijheid en de hege flecht, en it skerpe each foar de oriïntaasje en de libbene bút. Der is net sa heel folle mei sein, fral om't krityk him yn dit stik meastepart beheind hat ta it net-neamen, dêr't ik fuort oan taheakje wol dat krapte oan romte it neamenswurdige wolris yn 't paad sitten hat.

Romte is der noch om in blinkje op te fangen fan de moai rije produksje fan Harmen Wind, wurk dat hielendal binnen de beskreaune perioade falt. Hy foel der fuort al mei yn de prizen en syn lêste bundels Plak en Wei litte noch in tanimming sjen fan sizzenskrêft en masterskip. It is oars de ûngebrûklike fraach noch mar hoe't de dichter Wind him nei dizze beide bundels fierder ûntwikkelje sil. Striid hat er levere, de striid fan de moderne

Trotwaer. Jaargang 32 ienling finzen yn systemen, en yn syn gefal de striid om de wierheid, om God en dea, om de leafde. De grutte ferhalen dus noch, mar wat bart der as harren tiid gewoan foarby is, de wrâld se stadich liket te ferjitten as it antwurd op ferkeard stelde fragen? De wierheid ropt er noch oan, mar mei ferdrach: ‘..doch my / net dea yn dyn klearens’. It Eben Hezer tsjerkje - ‘Wa holp wa wêr oan ta?’ - steane hokkelingen yn te psalm-âljen.

Trotwaer. Jaargang 32 269

Kin dan it eachmerk noch wêze, sa't er earne ferfêst delskriuwt: ‘...it oanhâlden fan it foarbye, / it bewarjen fan it ferlerne. Altyd.’? Ik fernim yn in gedicht as ‘Ferbûn’ de driuw om jin ôf te sluten foar de boaze weareld, ‘...lijte sykje by de waarme hurd’, mar wêr bliuwt sa it dichterskip? It siket oanslach yn alles wat it tinken en oantinken oan bylden opjout, fral as de heimsinnigens dêrfan ferbinings fynt mei de riedsels dêr't gjin antwurd op is: wa bin ik, wat is tiid? Sa it fers oer it opdûken fan weismiten ark út 'e Boarne, de fersen oer it ûntdekken fan heal fergiene skipkes yn 'e reiden fan it wetterlân. Faaks niicht er tenei mear nei it tagonklike, sjongsume, it fan persoanlike problematyk ûntdiene, en wurde syn fragen ‘Simmerfragen’ lykas: ‘Fan sinne wie de dei / de brâning fan begearen / mar wêrfan wie dyn laits?’ Of komt er mei frisse ideeën oer in ferskaat oan ûnderwerpen, lykas dy oer de Fryske identiteit yn ‘Heiteloft’?:

Neam dy dochs net nei ús ierde, myn freon; neam dy tenei nei ús loft: ûnstadich, wif, ritich, jit suver en iepen en frij sûnder ein.

In skiednis sjocht net yn 'e takomst en hoewol't it yngean fan in nij milennium - mei apokalyptyske huver temjitte sjoen - in draaipunt wêze koe foar nij eachweid en breinroere manifesten, sille wy yn it kommende, as ik my dochs feroarloovje foarút te sjen, in stadige ûntjouwing nei mear loft en loftichheid, mear foarm noch en minder selsmeilijen, praktysk en teoretysk, ferwachtsje kinne. Loft en ierde, de flecht en de bút, bliuwe op mekoar oanwiisd, sa't de haikû-dichter Klaas Kooistra fan it senioareklubke al dichte:

Mar ien fûgelpoat lit de ierde al skodzje foar in streksum miel.

Bibliografy

Utjeften dêr't oan referearre wurdt Meindert Bylsma, Dy iene ielreager dy't opwjokket (Brakepypster gedichten). Boalsert 1996. Eppie Dam, De hûnsdagen. Ljouwert 1994. Leaf en nuddels. Ljouwert 1998.

Radboud Fokkema, Aan de mond van al die rivieren. Een geschiedenis van de Nederlandse poëzie sinds 1945. Amsterdam 1999. Jan Germs [Jan Jongsma]: Lân fan romte. Burgum 1998. Tsjisse Hettema, Tsi tsi. Ljouwert 1996. Tsjêbbe Hettinga, Under seefûgels, de kust. Ljouwert 1992. Benny Holtrop, Lyts ferdomme. Boalsert 1995.

Trotwaer. Jaargang 32 Klaas Kooistra yn: ‘Noorderdampen’, Haikû-kring De Froaskedobbe. Snits 1987. R.R.R. van der Leest, Wyn en fearren. Boalsert 1986. Geart fan der Mear, Winterkriik. Annen 1987. Beart Oosterhaven, In leech fermidden. Boalsert 1990. J.Q. Smink, Minsk(e)gedichten. Boalsert 1995. Foar de famkes. Boalsert 1988. Lingerich tekstyl & swarte side. Boalsert 94.

Albertina Soepboer, Gearslach. Ljouwert 1995. De twirre yn 'e tiid. Ljouwert 1997. It nachtlân. Het nachtland. Eanske 1998.

Cornelis van der Wal, In nêst jonge magneten. Boalsert 1991. Sinnestriel op it offermês. Boalsert 1997.

Thijs Wöltgens, De nee-zeggers. Amsterdam 1996. Syds Wiersma, Alles wat ik net betinke woe. Boalsert 1992. Harmen Wind, Op alle dagen. Ljouwert 1995. Plak. Ljouwert 1996. Wei. Ljouwert 1998.

Baukje Wytsma, Thúslûd. Ljouwert 1997.

Trotwaer. Jaargang 32 270

Ungelok Henk Bok

Mei syn tonge preau er de bittere binnenkant fan har ear. Se hie har gesicht fan him ôfdraaid doe't er har tútsje soe, mar hy hie har tsjin him oan treaun, hie trochsetten, mei as risseltaat dat er no it kâlde metaal fan har earknopke beflybke. ‘Getfer, Gosse, hâld op,’ sei se, ‘ik wol net mear mei dy.’ Under dy ûnmjitlike omkearde echoput dy't de himel op sa'n stille simmerjûn wêze kin, hearde Gosse har wurden. Hy hearde it ratteljen fan in ko oan in foerstek yn 'e stâl oan 'e oare kant fan it spoar. Hy hearde it ‘ping’ fan in ferdwaalde reindrip op syn fytsbel, it lûd fan ferkear, fier fuort op 'e grutte dyk. Hy hearde de dreun fan de bassen yn 'e feesttinte yn it doarp fierderop, oanswierjend en wer weistjerrend as waard der in grutte ûnsichtbere doar tusken hjir en dêr iepene en sluten. En hy hearde dat se net mear mei him woe. Hy seach har gesicht yn it wite knipperljocht fan de oerwei. Oan - út. Oan - út. In swakke imitaasje fan it felle, skrille ljocht yn 'e disko. Hjir bûten koe hy likemin útmeitsje oft se nei him seach as nei neat. ‘Dat kinst net miene,’ sei er heas, mar syn earms leine al net mear om har skouder. ‘Jou my even in sigaret,’ sei se. Wylst Gosse yn syn bûsen nei it pakje socht, seach se nei de kym, de gloed fan 'e stêd tsjin de leechhingjende wolken. Alteast, it like of se dêrnei seach, likegoed hie se nei it oan en út fan it ljocht fan 'e oerwei sjen kinnen. By it flikkerjen fan de oanstekker seach Gosse har eagen, fiksearre op it giele flamke, har mûle, de kûltsjes yn har wangen, fûleindich de earste reek ynsûgjend, it reade skynsel fan it tabaksfjoer, dy ierdbei, dat lytse ynferno. Trije soarten ljocht seach er, mar om him wie oars net as it tsjuster. ‘It wurdt dochs neat mei ús, sa,’ sei se, doe't se har earste pûster reek útblaasd hie. ‘It kin gewoan net.’ De reek waard wei, gong omheech, waard tinner en tinner. It ljocht koe der net mear by, en it rûkte no ek oars, de reek wie der wol en net, lykas sy: se wie der wol en net, ûngrypber, ûnbegryplik. ‘Ik miende oars dat wy it wol aardich mei elkoar fine koene.’ ‘Dat is net genôch, Gosse.’ ‘It hat wol in hiel skoft genôch west, as bin ik dêr mis mei?’ ‘It is allegearre feroare. It is oer, út.’

De sinne skynt fûl op de gerdinen. Hy fernimt it troch it tinne fel fan syn

Trotwaer. Jaargang 32 271 eachlidden hinne, mar sels dy sêftreade gloed is him noch tefolle. Syn holle bûnzet mei eltse slach fan it hert; mei eltse slach wurdt der bloed pompe nei syn teistere harsens. Dit kin sa net trochgean, syn holle sil aanst út elkoar spatte. Stil lizzen bliuwe, dat is de iennichste rêding, mar dy pine. Hy besiket him om te draaien, by dat ferskuorrende ljocht wei, mar syn mage docht alle war om him te ferlitten as er yn beweging komt. Foarsichtich beheint er syn ynspannings, keart werom yn de âlde hâlding. Sa moat it dan mar, de holle bûgd, ûnder it lekken. O Hear, wêr wie er oan begûn, sil dit oait noch einigje? Hy sykhellet djip en op 'e nij oppenearret syn mage him. Hy wol dea, mar syn mûle hat net de krêft en de smeudigens om dit fûnis oer himsels út te sprekken, droech as barsten lear, mei ferlet fan flibe, bestjurre yn machteleazens. It is net mear te kearen, syn mage. Stil lizze bliuwe sil net mear helpe, it moat komme. It ûnûntkombere, it kin allinnich noch mar útsteld wurde, mar komme moat it. Even jout dizze gedachte rêst, want de ferlossing sil ommers ek tichterby komme. Mar hy wit wat de priis fan dy ferlossing ynhâldt, dy priis is de tramtaasje sels, it alderberoerdste. Der wuollet in frjemde rêst yn him op. Alles kin noch goed komme, liket it. Mar tagelyks sprekt syn organisme it oardiel út: net mear te kearen is it. Hy sil dit ûndergean. Mei dy berêsting komt it nofteren ferstân. Hy sil der ôf moatte, hy kin de brot hjir net ûnderspuie. Hoe fier is it nei de waskbak ta, trije, fjouwer trêden? Utstel, mar de eksekúsje moat oangean. No! Mei't er omheech komt makket syn mage him lyts, tsjin de swiertekrêft yn wurdt it ûnfertarre bier gysten omheech parst. Mei de hân foar de mûle besiket er de gefolgen fan de anty-peristaltyk tsjin te gean. It soer baarnt al yn syn noas foar't er by de waskbak is. As er útspuid is - foarearst, wit er - oppenearret syn holle him. Tûzen kear fûlder slacht it fergiftige bloed troch syn ferdroege ieren, it makket him dwyl. Hy skarrelt werom nei it bêd, syn mûle is no wiet, mar syn kiel baarnt fan it skerpe maachsoer. Hy jout him del, skoot tusken de lekkens. Yn syn holle bedarret it wat, no't er wer leit. Mar úteinlik is it minder wurden. Sliepe sil neat wurde, mar syn mage is no teminsten wat rêstiger, op de kramp fan it spuien nei. Yn 'e dize fan de healsliep heart er syn namme. ‘Gosse!’ It is him wol goed. Hy triuwt syn holle fierder ûnder it lekken, by it ljocht wei. ‘Gosse!’ Syn mem stiet by it bêd. ‘Wekker wurde. Der binne in pear manlju dy't mei dy prate wolle. Wat hast juster útfretten? Dat ferrekte sûpen. Kom der ôf.’ Se lûkt de tekkens fan him ôf.

Trotwaer. Jaargang 32 272

Manlju? Wat moatte se fan him? Syn mage spilet wer op. Diskear is er op 'e tiid by de waskbak om oars net as wat gallich wetter op te jaan, mar mei likefolle muoite as in skoftsje lyn. Mei beide hannen stiet er foaroer bûgd oan 'e waskbak. ‘Wat dochst dysels dochs oan.’ Se skoddet de holle, besoarge om syn sûnens, mar dit sil wol wer oergean. Slimmer en ûngrypberder binne har soargen oer de oanwêzichheid fan de manlju dy't ûnder oan 'e kofje sitte. Freonlike hearen, korrekt ek, mar wol plysjes. It kringt mar heal ta him troch. Hy wol it net witte, kin it net witte. Hy stiet dêr mar by de waskbak, sjocht hoe't it gielgriene focht weisakket troch de lytse gatsjes. Juster. It swit brekt him hommels út. ‘Doch even wat klean oan en kom nei ûnder. Avenseare. Kinst dy minsken net wachtsje litte.’ Se set wer ôf, de treppen del. Gosse lûkt syn spikerbroek, swier fan bedroege bier en stjonkend nei reek, mei muoite oer de skonken.

‘It is om Durk, no? Is it om Durk?’ Hy hie it wol yn 'e rekken. No wol en earder ek al. Hoe't dy twa mei elkoar dûnsen, ferline wike yn 'e disko. ‘Hoe woest sizze, om Durk?’ Hy koe har net oan. Se krige him dêr't se him ha woe. Hy hie gjin kâns. Ferlern. Se draaide de holle fan him ôf, dan koe er har ligen net sjen. Miende se. Mar hy wist it. Hie it al langer witten. Alles wie no ferlern. ‘Tinkst dat ik gek bin? Wiest it de hiele jûn al fan doel, om it te sizzen, de hiele jûn al, net? Wa woe sa betiid al fuort. Nee, it is my no allegearre dúdlik. Durk. Ik hie it witte kinnen. Kut. Ferdomme.’ Hy hie him omdraaid, smiet syn fyts yn 'e berm, rûn in eintsje by har wei, kaam werom, stie driigjend foar har oer. ‘Hoe lang giet it al? No? Hoe lang?’ ‘Wat makket it út? Sa giet it gewoan. Of hiest tocht dat wy altyd by elkoar bliuwe soene. Trouwe, berntsjes, in húske, in autootsje. Hiest it sa yn 'e kop? Ferjit it, jonge.’ Se fergriemde de heale sigaret ûnder de foet. In pear lytse fonkjes rûgelen sêft mei de nachtwyn mei oer de dyk. ‘Kloatekutteef. Ferdomde kloatekutteef.’ Syn kiel siet groatfol, de triennen stiene him yn 'e eagen. It wie tsjuster gelokkich, se soe it net sjen. ‘Soademiterje ek mar op. Soademiterje op!’ Hy skriemde hast, woe it net witte. Hy hearde yn 'e fierte de trein oankommen. Daliks soe it ljocht read wurde. De bellen soene te kear gean. Hy pakte syn fyts en sette op de oerwei ta, it reade ljocht temjitte, de bellen skril tetterjend yn syn earen. Fansiden seach er it suterich giel fan de koplampen fan de trein op him ôfkommen,

Trotwaer. Jaargang 32 273 hearde it âljen fan de toeter, oanboazjend, heger en heger. Hy fielde in wynfleach oer syn rêch, seach hoe't de trein in ljochtsjend spoar luts oer de túntsjes by de spoardyk lâns. Foarby.

As er syn T-shirt opkrijt en de rook fan jiske, swit en bier him temjitte komt, draait er de holle fansiden, besiket it net te kearen gefoel fuort te triuwen mar it wurdt him oermânsk en wer hinget er oer de waskbak en leget syn mage dy't al sa leech is. It giet bûten him om, oer himsels hat er neat mear te sizzen, mar it lijen is al foar him. ‘Gosse! Gosse, wêr bliuwst?’ Mem, oan 'e treppen. Hy is noch te beroerd om him der drok oer te meitsjen. Hy docht in skjinne trui oan en skarrelt nei ûnderen. It is stil as er ta de keamer yn komt. Twa manlju sitte op 'e bank, lege kopkes foar har. De rook fan 'e kofje stiet him tsjin. Swit, op syn rêch, yn syn hannen. Syn holle bûnzet. ‘Der ha we Gosse,’ seit de langste fan de twa. ‘Sliep noch net út, sa te sjen. Let wurden juster, tink.’ Hy besiket wat werom te sizzen, it makket him net út wat, mar hy komt net fierder as in bisteftich kroanen. Syn holle. ‘Van der Linden, resjerzje,’ seit de lange. Hy draait mei in lytse beweging syn holle nei de koarte, dikke man neist him. ‘Posthuma.’ Posthuma knikt. ‘Jou dy mar del. It wol noch net sa slagje, wol?’ It klinkt hast freonlik mar Gosse fielt it iis yn syn stim. Hy stroffelt nei de stoel tsjin de beide manlju oer. Mem reizget achter yn 'e keamer mei in ûndúdlik doel tusken de keuken en de hege tafel by it grutte rút. Syn bleate fuotten komme tsjin it kâlde metaal fan de tafel dy't tusken him en de beide manlju yn stiet. ‘Wy moatte even prate, Gosse. It falt net ta, dat fernim ik wol, mar it moat al even. Oer justerjûn.’ Justerjûn.

Earst doe't er de oerwei al lang en breed efter him hie kaam de eangst. It gefoel wie út syn hannen wei, hy fernaam gjin stjoer mear. Syn fuotten koene de pedalen mar amper mear rûn krije, getten lead like troch syn ieren te streamen. Dat syn hert noch sloech, dat er noch sykhelle, hy soe it net sizze kinne. De dyk like him te lieden, hy stjoerde net. Hy wie it net, dy't dêr troch de nacht fytste. Mar it wie ek gjin oar. Sa fielde dus de dea. Yn 'e buorren wie libben. Foar it kafee dangelen wat minsken om. In sjittinte, in snackwein. Ljocht. Lampkes, read en blau. Feest, merke. Ljocht en libben. De rook fan frituer, laitsjen fan famkes, it roppen fan maten. Hy gisele fierder, de buorren troch. Oan 'e râne fan it doarp wie mear ljocht, leven. De tinte, in blau-wite pûst mei lûd en ôflieding.

Trotwaer. Jaargang 32 274

Hjir soe er ferjitte kinne, mids de reek en de rook fan fergriemd bier, it midsmjittige fan 'e hurde muzyk, tetterjend yn syn earen. Hjir wie net te praten, hjir hoegde dat ek net, dit wie it plak foar it grutte anonime sûpen, it domme âljen, de ûnpersoanlikens. Hy liet him folrinne yn it selskip fan sûpers sûnder ein. It glês wie noch net heal leech as in nij rûntsje tsjinne him oan. As in wiete tekken foel de alkohol oer him hinne, beheinde syn tinken en dwaan. Ferjitte. En doe seach er Durk.

‘Wy wolle graach witte wêrsto justerjûn wiest, of better sein, fannacht. Fan rûchwei tolven oant trijen.’ De lange man freget it, sjocht him oan, syn eagen heakje yn sines. Hy sjocht by him wei, troch it finster mei it hast net te fernearen sinneljocht. Hy besiket nei te tinken, besiket it klopjen yn syn holle fansiden te skowen. Fannacht. ‘Wiest yn 'e tinte?’ Gosse knikt. In flamjende pine skuort troch syn holle. Hy giet fersitten, fielt hoe't syn lege mage noch mear kwyt wol. Nee. ‘Der is in slim ûngemak bard. Do kinst Durk Prins?’ Hy wachtet amper Gosse syn reaksje ôf. ‘Hy is achter de feesttinte fûn, dea. Mei syn holle op sa'n izeren pin fallen dêr't de skearlinen oan sitte. Wy sykje eventuele tsjûgen, it kin in ûngemak wêze, mar wy slute net út dat it in misdriuw is. Neffens ús ynformaasje...’ Gosse heart net mear wat er fierder seit. Hy fljocht oerein, nei it húske, leit op 'e knibbels foar de pot, koarret, spuit, priuwt de gal, kroant. Mem rint him efternei, krijt him by de earm, nimt him mei werom nei de keamer. ‘Wolst wat drinke?’ freget se. Hy skoddet flau fan nee. ‘Wolle de hearen noch in bakje?’ Van der Linden sjocht nei Posthuma. Dy knikt. ‘Graach,’ seit er en rjochtet him ta Gosse: ‘Wy geane mar wer fierder. Do hast mei it slachtoffer praten justerjûn, ha wy heard. Hoe let wie dat neffens dy?’ ‘Ik wit it net,’ bringt er út. Syn tonge kleeft tsjin tosken dy't rûch oanfiele. Rabarber. ‘Soe it om twa oere hinne west ha kinnen?’ freget Van der Linden. Gosse lûkt oan 'e skouders. ‘Soe wol kinne, ja.’ ‘Binne jimme dêrnei tegearre nei buten gien, om in oere as twa?’

Durk. Yn ien kear wie it flues fan de drank fuort. Alteast, it ferdôvjende ferdwûn. Lilkens kaam der foar yn 't plak, it ferjitten hie mar hiel tydlik west. Hy hie it witte kinnen. Durk, fergeemje. ‘Ien fan my, Gosse?’ rôp Durk boppe de muzyk út. Hy rûn mei in blêd fol glêzen, krige der ien ôf en hold it Gosse foar. ‘Soademiterje op mei dyn bier,’ graude er, ‘fersûp der mar yn.’ Durk luts de wynbrauwen omheech, draaide him om en rûn fierder. Gosse

Trotwaer. Jaargang 32 275 folge him mei de eagen, seach him stean te bearen by syn maten, de opsnijer. En hysels stie no isolearre fan it groepke sûpers en swetsers dêr't er syn rûs mei opboud hie. As fielden se dat der yn syn holle in omslach plakfûn hie, syn tinzen no op in oar nivo stiene. In paria, in útstjittene wie er wurden. Op 'e nij wuolle de lilkens yn him op. No't it bier en it leven net mear ferdôvjend wurkje koene, miste de drank syn oare mooglike útwurking net. Agresje. Hy rûn nei de taap, kocht noch in pear, dy't er gysten ynnaam. Wêr wie Durk? Yn 'e hoeke fan niis koe er him net fine. Dy leffert. Him syn famke ûntfytmanje. Om it hoartsje in oar. Aanst soe it grif wer út wêze tusken dy twa, mar dêrnei soe se net wer by him weromkomme. Op sa'n simmerjûn as dizze, wylst se tegearre by it spoar ien rookten, soe se net sizze: ‘Gosse, ik wol wol wer mei dy.’ Troch Durk wie alles foarby. Tagelyk kaam de twifel boppe. Wat wist er eins? Hie Durk it wier mei har oanlein? Se hie neat tajûn. Mar ferdomme, dat soe se ek net dwaan, sa ûnnoazel wie se net. Hy hie him gewoan troch har ynpakke litten. ‘Hjir, ien fan my,’ sei Durk ûnferwachts neist him en sette in glês bier foar him del. ‘Wat wie dat foar ûnsin, niis?’ ‘Ik hoech dyn bier net.’ Hy skode it glês werom. ‘Doch net sa achterlik. Wêrom net?’ ‘Dat silsto net witte.’ ‘Ik begryp der neat fan, Gosse.’ ‘En dat moat ik leauwe?’ ‘Wat is der mei dy? Hjir, sûpe, jonge. It is mar ien kear yn it jier merke.’ Durk plante it bier wer foar syn noas. ‘Soademiterje op, sei 'k.’ Hy fage it pilske mei ien haal fan 'e taap, it bier spatte heech op. Hy fertrape it hurde plestik op 'e houten flier en rûn ta de tinte út. Pisje. De koelens fan 'e nacht bedimme syn lilkens. Djip sûgde hy de suvere lucht yn syn longen. Binnen wie it even stil wurden, op wat oerémis getsier nei. De toer sloech, ien, twa kear. Hy fielde syn kiel tsjok wurden, it baarnde achter syn eagen. Mar oan 'e oare kant fan it doek dindere de muzyk al wer op út 'e lûdsprekkers en mei wie syn ald moed werom. Hy draaide him om. Durk stie in pear trêden fan him ôf.

‘Wy bin der net tegearre útrûn,’ seit Gosse. ‘Hy is my efterneikommen.’ Kâld swit krûpt him by de rêch op. ‘Hast bûtendoar ek mei him praten?’ freget Van der Linden. ‘Praten?’ Gosse lûkt oan 'e skouders, draait de holle fansiden, by dy eagen

Trotwaer. Jaargang 32 276 wei. ‘Ha jim spul hân?’ ‘Ik wit net.’ ‘Yn 'e tinte hiene jim al wurden, wie it net sa?’ ‘Nja. In bytsje.’ ‘Bin jim bûtendoar fierder gien?’ Wer oppenearret syn mage him. Yn syn mûle fielt er in frjemde sensaasje, it liket wiet te wurden achter op syn tonge, mar hy wit dat it droech is as lear. Hy swijt. ‘Hast bûten de tinte ek noch mei Durk praten? Do bist de lêste dy't him by libben sjoen hat, foarsafier wy witte.’

Durk stie te pisjen. Hy draaide him heal nei Gosse om en sei: ‘Bist net mei Froukje, jûn?’ Yn it skrale ljocht wie it net dûdlik oft er der smeulsk by lake. It like oft it doek fan de tinte mei it lûd fan de bassen hinne en wer gong. Mei alle macht dy't yn him wie joech er Durk in treau tsjin it skouder en sette ôf.

Trotwaer. Jaargang 32 277

Biten en brokken Jan Pieter Janzen

It Fryske systeem

‘In ûnmisber boekje, dat spitigernôch al wer in jiermannich útferkocht is’, skriuw ik yn it febrewaarjenûmer oer Beart Oosterhaven syn Nije list fan frjemde wurden (1993). ‘Mis’, reagearret in lêzer, dy't anonym bliuwe wol. ‘It is net útferkocht mar troch de Akademy út 'e hannel naam. Oebele Vries fan it Frysk Ynstitút yn Grins wit der mear fan.’ Ik fiel my suver wat besoademitere. Ik brûk de Nije list geregeld. Hast alle dagen is der ommers wol in momint fan twifel oer de krekte skriuwwize fan lienwurden. Wat ha 'k de ôfrûne jierren - yn kommisje - dan allegear wol net fout dien? En is dy minne list ek ferwurke yn de ‘tekstneirinder’ dy't de Akademy ferline jier foar de tekstferwurker Word makke hat? Nim no computer, is dat yn geef Frysk: kompjoeter, kompjûter of gewoan computer? De wurdlist jout twa mooglikheden: kompjûter en computer. De frisist en histoarikus Vries wol oer dizze saak wol wat kwyt: ‘Liuwe Westra, klassikus en teolooch, fûn dat dy Nije list net doogde. Der hie neffens him ien oer gear west dy't niks fan de klassiken wist en dy't net konsekwint west hat yn de Fryske stavering fan frjemde wurden. Hy hat in hiel goed artikel ôflevere foar Us Wurk. Se ha doe op 'e Akademy sels ynsjoen dat it sa net goed wie. Nei oanlieding dêrfan is it boekje út 'e hannel nommen.’ ‘Frjemde kostgongers. Ta de stavering fan frjemde wurden yn it Frysk’ (Us Wurk, 1994, s. 97-117) is yndied in deeglik stik, dêr't de problematyk fan it ferfryskjen fan frjemde wurden helder yn nei foaren brocht wurdt. Westra ûnderskiedt twa streamings: in haadstreaming dy't it wurdbyld safolle mooglik oanslute litte wol bij de Hollânske of de ynternasjonale skriuwwize (dus: computer) en in lytserenien dy't de stavering fan frjemde wurden mear op de Fryske útspraak basearje wol (kompjûter dus). ‘De earste streaming hat it wûn,’ skriuwt Westra, ‘mar by de tiid lâns hawwe fertsjintwurdigers dêrfan wol hieltiten mear it ynternasjenale of Hollânske wurdbyld loslitten om neiere oansluting by de Fryske útspraak te berikken. Dat giet safier, dat it Steatereglemint [fan 1982] it frij jout om in stomme e te skriuwen as de útspraak dêr oanlieding ta jout.’ (Sa sjoen is ‘ynternasjenaal’ dus goed, al set myn tekstneirinder dêr wol in read streekje ûnder.) De kritikus, dy't sels konsekwint besiket te staverjen, konkludearret dat it tiid wurdt ‘foar in nije oarjentaasje op 'e staveringswize fan 'e frjemde wurden, dêr't it nedige wittenskiplike ûndersyk oan foarôf te gean hat’. Op 'e Fryske Akademy binne se it mei de lêzing fan Oebele Vries net iens. ‘It is net wier dat it boekje út 'e hannel nommen is’, lit direkteur Lammert Jansma witte. ‘It is gewoan útferkocht. Beart Oosterhaven is dwaande mei in nije fersy, dy't takom jier útkomme sil. Wij ha it der yndertiid wol oer hân om op it artikel fan Westra te reagearjen, mar dat is gjin leksikograaf en dêrom ha wy it der mar bij litten.’ Soe it net fan belang wêze om earder mei in oanpaste Nije list te kommen?

Trotwaer. Jaargang 32 Jansma: ‘Nee, Oosterhaven moat it yn syn losse tiid dwaan. Het is geen speeltuin hier. Ast trouwens ris witte soest mei hoefolle “belangrike” dingen wij hjir dwaande binne... Der komt in etymologysk wurdboek, yn 'e mande mei Leiden. Dat publisearje wy yn 2000/2001 op Yn-

Trotwaer. Jaargang 32 278 ternet. En fan 't jier noch komt der in Frysk juridysk wurdboek.’ Noch gjin fiif minuten letter bellet Beart Oosterhaven: ‘It leit wat subtiler allegear. It is fansels noait aardich, sa'n krityk. Liuwe Westra hie it idee dat ik in boekje meitsje soe dat de saak foar iens en foar altyd goed regelje soe. Dy pretinsje hie ik net: ik ha niks oars dien as de regels tapasse dy't de Steaten fêststeld ha. Ik ha safolle mooglik it ‘Fryske systeem’ folge en gauris twa farianten jûn, mei de meast Fryske as earste [kompjûter, computer]. ‘It boekje wie eins bedoeld foar yntern gebrûk; it is ek ienfâldich útjûn yn in lytse oplaach. Mei de nije fersy bin ik no oan de s ta. De list wurdt ek troch oaren hjir op 'e Akademy goed neisjoen, mar it bliuwt fansels sa dat elk wurdboek it skaaimerk hat fan de persoan dy't it gearstalt. Dêrom nim ik as motto ek twa sitaten op. Ien fan Jan Jelles Hof út 1945: ‘Stavering is altiten in kompromis en kin ek noait oars wêze.’ En ien fan Douwe Kalma út 1953: ‘Grif moat men, ek hwat de Akademy foarskriuwt, nei eigen ynsicht en forstân tapasse.’ ‘At it oan mij leit komt it boekje der sa gau mooglik; it bestân sit al yn 'e kompjûter.’

Boekefersoarging: in kwestje fan mentaliteit

Op it jierlikse sympoasium yn Feanwâlden stie diskear de boekefersoarging sintraal. Dy hâldt, sa't algemien bekend wêze mei, yn Fryslân net oer. Utjouwers en skriuwers moatte dêr folle mear omtinken oan jaan, wie dan ek it boadskip fan de fjouwer ynlieders. Grafysk ûntwerper Gert Jan Slagter wie dêrbij it dúdlikst. Goede boekfersoarging is net yn it foarste plak in kwestje fan jild mar fan mentaliteit:

De ôfnimmende ynteresse foar it mei soarch brûken fan typografy by útjouwers, drukkers en - spitigernôch - foarmjouwers foarniet in earnstige bedriging foar de kwaliteit fan it hjoeddeiske boek yn it algemien en it Fryske boek yn it bysûnder. As in lyts taalgebiet syn bêst docht om serieus nommen te wurden en as de skriuwers harsels serieus nimme dan moat men oan it uterlik fan har boeken profesjonele soarch besteegje. [...] Ek it der by belûken fan in nij en minder âld publyk sil makliker gean mei in trochtochte foarmjouwing.

Slagter neamde, freonlik en aardich at er is, gjin nammen fan min fersoarge boeken. Ek syn kollega-ynlieders wienen de foarsichtige kant neist, al kaam Willem Winters wol mei in tal foarbylden fan hoe't it net moat. De Koperative Utjowerij kin der wat mei, mar ek de Friese Pers Boekerij (dy't troud liket te wêzen mei Chaim Mesika, oars wol profesjoneel mar allesbehalven orizjineel). Ien misferstân woe Slagter graach út 'e wei ha: ‘Ik bin net dè foarmjouwer fan it Fryske boek. Fan de lytse hûndert útjeften fan foarich jier haw ik der mar trije fersoarge.’ Dat wie wat al te beskieden. Hij hat him ferteld (it wiene fjouwer) en dy waarden troch de sjuery foar de Liuwe- en de Welpeprint allegear mei eare neamd (Snotaapkes fan Lida Dykstra as it moaiste berneboek, It sie fan moarn fan Piter Jelles as de fraaiste útjefte foar folwoeksenen, wylst Trochpaden fan Geart de Vries de twadde priis krige en De gouden teeman fan Sikke Doele de trêde).

Trotwaer. Jaargang 32 It wie de sjuery trouwens opfallen dat hieltyd mear soarch bestege wurdt oan de foarmjouwing fan it berneboek. ‘Komt it, om't besocht wurdt foar te kommen dat it âlde fertroude medium boek ûndersnijt troch it grutte oanbod oan moaie, yn 't each springende en flitsende televyzjeprogramma's, kompjûterspultsjes, cd-roms en Ynternetsiden?’

(De tekst fan de lêzings is útkommen yn de rige Byskriften, foar f 7,50 te besetten op it FLMD.)

Trotwaer. Jaargang 32 279

Tsjin de merkegeast Lytse oprop oan de bouhearen ûnder de Aldehou Piet Hemminga

De iepenbiere romte is in kostber guod dêr't de oerheid alle dagen noed foar stean moat. Mar as men sa om jin hinne sjocht, is it, foarsichtich sein, wol bot de fraach oft de romte wol yn goede hannen by dyselde oerheid is. Wêr wurdt it dwaan en litten fan de oerheid troch laat? Giet net tefolle mis? Soe it net oars kinne en moatte?

De loft yn

De bou fan de 115 meter hege Bonnema/Avérotoer oan 'e râne fan de Ljouwerter binnenstêd hat, net allinne yn Trotwaer, al hiel wat praat geande makke. Ek as it bouwurk straks op folle hichte en klear is, sil dat net oars wurde. Sa'n wolkekliuwer, dy't it oansjen fan de stêd foargoed feroaret, skreaut om kommentaar, om ynstimming of ôfwizing. Dat jildt noch mear, as de stêd en omkriten feitlik gjin heechbou wend binne. Oft de Ljouwerters en Friezen sokke heechbou al of net wolle, hat oant no ta gjin ûnderwerp fan in moaie enkête of in deeglik referindum west. De gong fan saken is helder en ienfâldich: in bedriuw mei in soad arbeidsplakken nimt, om hokfoar reden ek, de foarstap ta de bou fan in hege kantoartoer. In arsjitekt wurdt oan it wurk set en efkes letter leit in bouplan foar goedkarren op it stedskantoar. Dat de gemeente har regels dêrnei efkes oan de bouplannen oanpast, sadat de bou mar begjinne kin, is feitlik noch it bjusterbaarlikst. Heechbou hoecht yn Ljouwert fansels net perfoarst. As de Ljouwerter situaasje ferlike wurdt mei dy fan Macao, Singapore of, tichterby, Londen en Parys, hat Ljouwert genôch romte om yn de breedte te bouwen. Mar dêr giet it net om. In bedriuw wol himsels oan syn klanten sjen litte en, as de sinten dat net keare, boppe oare bedriuwen útstekke. Bûtenút kin dat troch lyk oan de autowei te bouwen en yn de stêd kin dat troch in flink ein de hichte yn te gean. Soks moat fansels wol binnen de regels fan it oanbelangjende bestimmingsplan kinne, mar dat is ek al gjin hurde betingst mear. As it net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin. It bestimmingsplan wurdt efkes oanpast. Dat kin maklik as de gemeente it tinken en de doelen fan it bedriuwslibben ta sines makke hat. En hoewol't de stêd by myn witten gjin klanten hat, mient de gemeente tsjintwurdich ommers ek dat de stêd al fan fierwei sjoen wurde moat. De soarch foar de iepenbiere romte is ien fan de wichtichste opjeften en ferantwurdlikheden fan de oerheid. De trije oerheidslagen hawwe it der mar drok mei. It Ryk, provinsjes en gemeenten sette mei-elkoar hiel wat minsken en oeren yn it ûntwikkeljen fan (diel)nota's romtlike oardering, struktuer-, streek- en bestimmingsplannen. Dat betsjut in geweldige papierproduksje fan foarskriften, tekeningen en plannen. Mar dat is net genôch. As it op it beoardieljen fan de bouwerij oankomt is it wolstânstafersjoch der ek noch. Yn Fryslân wurdt dat yn

Trotwaer. Jaargang 32 280 opdracht fan de gemeenten, mei útsûndering fan Snits, dy't syn eigen wolstânskommisje hat, útfierd troch Hûs en Hiem. Oant safier is noch gjin skeppe de grûn yngien.

De tichtset

Kin it resultaat fan al dy amtlike manoeren, al dat neitinken, riejaan en oerlis en al dat oerheidsjild, sprekken lije? It folk wurdt soks net frege, dat mei allinne tsjin djoer jild in beskieden tuskenwentsje sûnder grûn yn de troch de autoriteiten útsochte en besluten ‘Vinex’-lokaasje oanskaffe. Folle kar is der net, want fan Ede oant en mei Grins, fan Nieuwegein oant en mei Zoetermeer wurdt ien en itselde treurich meitsjende postmoderne konsept tapast. Elk hûske moat oan deselde foarskriften foldwaan, elk húshâldinkje kriget itselde tal kante meters, deselde finsters en tegels en net te ferjitten itselde boartlike healrûne balkontsje. En mei in bytsje gelok komt yn dy hûzen ek noch itselde te stean. It lân wurdt fan bûten en fan binnen ikeasearre. Fan Maastricht oant Ljouwert alles fan itselde. Oeral deselde treurigens. Ien grut Gamma-paradys. Is it in wûnder dat de minsken dy't yn sokke stienwoestenijen wenje moatte of grutwurde, alle smaak ferlern hawwe of misse moatte? Is it in wûnder dat de agresje op strjitte tanimt, dat dêr alderhanne ûnhuere typen en boefkes rûndwale om net allinne âlde wyfkes in deadsskrik te besoargjen? Is it in wûnder dat it tal formalisearre hingplakken en puberhokken de kommende jierren danich tanimme sil? Dat de koffyshops ek yn de takomst goede saken dogge? Sa'n bou kweekt minsken, om mei Youp van't Hek te praten, dy't de Blokker yngeane en dêr, hoe is it mooglik, ek noch wat fan har gading fine. Moat men har soks kwea ôf nimme? Oeral wurde doarpen útwreide mei nijbouwykjes, dêr't de minsken yn dearinnende strjitten wenje meie, symbolisearre mei tapaslike nammen lykas De Tichtset, De Fûke, It Pypke en De Stringen. Yn it westen is it op plakken mooglik noch slimmer. Mar wy ymportearje en imitearje mar raak en dus giet it yn Fryslân ek garandeard mis. Himpens-Tearns wurdt no troch Ljouwert opslokt, Huzum en Goutum binne al earder ferdwûn. Hurdegaryp en Tytsjerk geane yn elkoar oer en Snits en Ysbrechtum folgje. Wêr binne de grinzen tusken It Hearrenfean, Nijbrêge, It Mar, De Knipe, Âld- en Nijskoat, It Oranjewâld, Nije- en Aldehaske bleaun? En dan bin ik ek al hast yn Westermar en dêrmei op De Jouwer. Hiele gebieten litte gjin hoarizon mear sjen, oeral tsjinnet it nije doarp him as in inketplak oan. Ien lange rige fan wite stiennen en blauwe dakken, glêzen fabrykshallen en lûdswâlen, wylst foar in inkelde beam gjin plak mear is. En al wenje de minsken efter ierden wâlen, plestikmuorren of út de republyk Komi ymportearre hurd-rotsjende fjurrenhouten sketten, en al hawwe se it útsicht fan in finzene, de neamde ynstânsjes hawwe it betocht en fine it goed sa. Wachtsje mar ôf hoe't straks yn de Bullepolder tusken Ljouwert en Lekkum wenne wurdt. Ik sjoch de advertinsjes yn it hyperynflatoire jargon fan de makelders al: ‘Exclusief unieke lokaties: fantastisch wonen en heerlijk tot je zelf komen aan de snelweg.’ Duorsumens en kwaliteit krije gjin kâns, mar lang libje de romtlike oardering.

Trotwaer. Jaargang 32 Kommersje

Earder identiteitsbeskiedende tsjerketuorren binne al lang efter in fêstingwurk fan betonnen doazen ferdwûn. De Aldehou ferdwynt no foargoed efter Abe's tuorren. It is symboalysk dat it tsjerklik lânskip, dat sa lang it silhûet fan de stêd beskaat hat, syn plak oan it bank- en fersekeringswêzen ôfstean moat. Dat wêzen hat gjin

Trotwaer. Jaargang 32 281 weet fan skiednis of kultuer, mar is dissipel fan in nije religy dy't rûnom yn de westlike wrâld beliden wurdt: it marketing- respektivelik merktinken. Marketing stiet foar konsumintisme, hedonisme, geveltsjepolityk, soap en ynsjipje, foar, en dat is de kearn, kommersje sunder leafde. Yn Ljouwert wurdt sok tinken symbolisearre troch de nep-toer fan it FEC, en yn gearhingjen dêrmei, de komst fan it WTC nei Ljouwert ta. Sûnt de oankundiging dat Ljouwert lid fan de WTC-klup waard, trouwens net folle mear fan heard. Mooglik is ien en oar yn itselde tsjustere gat fallen as it steedlik knooppunt? Mar dochs aardich, Ljouwert yn ien en deselde rige as Aleppo, Brescia, Curitiba en Vigo. Ek allegearre plakken dy't mei de komst fan in WTC foargoed op de kaart set binne. De ûndernimmers yn sokke plakken moatte hurd lidwurde fan de WTC-klup, sadat se de WTC-nijsbrief op 'e tiid yn de bus krije, of in kursus oan de WTC-universiteit folgje kinne. Alles, mar dat seit himsels, tsjin in flink taryf. Koartsein, in werklik prachtich marketingkonsept. Winliken in soarte fan ‘world-wideskybox’ en wij? Wij, provinsjalen traapje der noch yn ek. Wy betelje en dêr yn Amearika laitsje se ús út. Luchtfersmoarging, dat is it.

Noch leuker

Ik gean werom nei it resultaat fan alle ynspannings fan bestjoerders, amtners en planologen. Ik sjoch ris yn de binnenstêd om my hinne. It is dúdlik dat it gjin inkeld probleem is om de moaiste en âldste gevels in nijmoadrich front te jaan, sadat de dêrefter helle omset op syn minst ferdûbele wurdt. Gevels dy't mei rjocht en reden in plakje op de monumintelist krigen hawwe, wurde efkes wytkalke of mei reklameflaggen, spandoeken en ferljochtingsornaminten fersierd, sadat it foargoed dúdlik is dat efter dy gevel werklik de aldergoedkeapste spikerbroeken oan de man of frou brocht wurde. Net allinne de Ljouwerter Nijstêd foarmet in treurichmeitsjende yllustraasje fan dat ferskynsel. It gemeentlik ûnfermogen yn dizzen hat foar himsels trouwens in passend symboal realisearre yn de foarm fan twa wûnderlike ljochtarmatueren, dy't op de earste de bêste doarpsmerke net missteane en dêr't de Ljouwerters ûnderwilens in foar de hânlizzende namme oan jûn hawwe. De binnenstêd, elke binnenstêd, hat te lijen fan de funksjeferoaring dy't de ôfrûne desennia plakfûn hat. Eartiids wienen Nijstêd, Dracht en Easterstrjitte de A-1-lokaasje dêr't de spesjalisearre middenstân syn guod oanpriizge en ferkocht oan stêd en wide omkriten. Tsjintwurdich binne Beuneker, Boelman, Van Erp, Rolff, Steenbergen en Van der Velde de lêsten fan de Mohikanen. Sy wurde der útwrotten troch de keatens dy't allinne en op 'e nij sûnder ek mar in spatsje leafde, en boppedat yn grutte tallen, mear fan itselde ferkeapje. Mei skreauwende ljochtreklames en mistreastich lawaai dat foar útnoegjende muzyk trochgiet, wachtsje de efter it waarmtegerdyn ferfeelsum gearhokjende ferkeapsters op in publyk dat it allegear al earder sjoen hat. Dy ferearming wurdt net troch de oerheid keard, mar sels stipe troch de binnenstêd foaral noch folle ‘leuker’ foar de konsumint te meitsjen. Dat bart troch sierstiennen fan de oare kant fan de wrâld oan te slepen, sadat it lêste stikje eigenens oan de globalisearring opoffere wurdt. Dat bart troch strjitten en pleinen sa oer de kop te

Trotwaer. Jaargang 32 heljen dat gjin strûk of beam dêr mear groeie wol, mar it plestik, papier, blik en foaral in soad glês, dêr as hjoeddeisk ûnkrûd mar tiere kinne. En it wurdt noch folle ‘leuker’, mei't oan de treurichmeitsjende horekafisearring gjin ein

Trotwaer. Jaargang 32 282 liket te kommen. Kroegen, bars, ytkafees, pubs, sjoärmatinten en kofjeshops hawwe it plak fan de spesjalisearre middenstân ynnommen, as it om de rêchbonke fan steedlikheid giet. Sûnder kroegen en terrassen libbet in stêd net, sa is it hjoeddeisk tinken. Spitigernôch wurdt dy opfetting oerset yn tè folle en tè ferkearde kroegen en tè grutte terrassen, en dat betsjut dat de balâns al gau trochslacht nei oerlêst, tè folle leven en sichtbere en net sichtbere oertrêdings en sels misdied. Wa't mei soks in deugd dien wurdt is wol dúdlik, mar dat de mearderheid fan de ynwenners der net folle fan hawwe moat, wurdt rêstich oan foarbygien. Dat de stêd him net langer fan al dy oare treurich ferblokkere binnenstêden ûnderskiedt, soe it gemeentebestjoer dochs op oare gedachten bringe moatte. Mar blykber falt net oan it neiaapjen te ûntkommen. En sa ferdwynt alle glâns ûnder in laach fan stof en earmoed.

Arsjitekten

As it oer de konkrete ynfolling fan de romte giet, spylje arsjitekten in foarname rol. Har wurk kin sawol ta in ieuwenlang duorjend sjochplezier liede, as, en dat is hiel wat faker it gefal, in fierstentelang duorjende estetyske treurigens. Arsjitekten binne der yn soarten, mar in soad leden fan dy beropsgroep binne minne ûntwerpers, dy't it feitlik fertsjinje om tenei noch allinne as opperman en sûnder ARBO-tafersjoch yn de heechbou te arbeidzjen. Dat skift is ferantwurdlik foar in net te beskriuwen yndividueel en maatskiplik leed. Sokke griemers bouwe simpel te fermannichfâldigjen blokkedoazen, dy't de bewenners gjin privacy of beskerming tsjin kjeld, waarmte of lûd biede. It giet om hûzen dy't net mear binne as skeamele pakhûskes dy't der net útsjogge en dêr't it lûd fan TMF dwers troch fjouwer muorren hinnedaveret. Alle dagen op 'e nij is it dêr ‘Big Brother’, sûnder dat De Mol der ek mar wat oan bydraacht. Is it in ferrassing dat sa'n televyzjeprogramma wakker oanslacht? Ik ha it benammen, mar net allinne, oer de wenningbou sa't dy bygelyks te finen is yn de Ljouwerter wiken Bilgaard, Efter de Hôven, Frijheidswyk, Heechterp, Lekkumerein, Skieringen of de Wielenpôle. Allegearre wiken dêr't de skientme fier socht wurde moat en de treast net fûn wurdt. Fansels, dat binne net allinne dy wiken dêr't de alderbêste arsjitekten foar ynhierd binne, mar yn Bilgaard wie dat wol it gefal. Van den Broek en Bakema wienen yn har tiid al te gau yn Nederlân ferneamde boumasters, mar foar har jildt wat Rudy Kousbroek yndertiid skreaun hat: ‘Knuppel iedere architect die na 1960 met bouwen is begonnen dood.’ Jou dy arsjitekten dy't miene mei har bouwen de wrâld ferbetterje te kinnen dochs gjin kâns. Noch altiten binne der lju dy't miene dat in mienskiplik skjin te hâlden treppehûs de maatskiplike ienriedigens stipet. Dy't tinke dat it grien wol troch de buert sels ûnderholden wurde kin, wylst de bewenners al lang elk frij oerke op de kemping trochbringe. In arsjitekt soe net oars dwaan moatte as oan it romtlik ferlet fan syn opdrachtjouwer te foldwaan en dat leafst op in wize dy't de kwaliteit fan it plak dêr't ien en oar stal kriget, ferheget en in oar syn eagen duorjend wat te genietsjen jout. Ik sis net dat alles misgiet. Sa kin it Ljouwerter stasjonskertier mei Aegon-, FBTO-, Giro- en Avéro-nijbou hiel wat better besjen lije as it Grinzer ekwivalint.

Trotwaer. Jaargang 32 Minder leuk

Mei of sûnder wolstânstafersjoch, beide kearen wurdt de iepenbiere romte slim bedrige. It griene lân wurdt wyt en slibbet ticht. Op plakken dêr't earder noch wat oer wie fan plattelân

Trotwaer. Jaargang 32 283 en iepen fjild, freegje no yndustryhallen yn de meast skrille kleuren fan fierrens al om alle omtinken. Doarpsútwreidings wurde foargoed bedoarn mei hûzen dy't mooglik oan de Mar fan Genève net missteane, mar dat yn de nijbou fan Winsum of Frjentsjer al dogge. Och, as men sjocht hoe't Ljouwert de wjerskanten fan de Ie beboud hat, kriget men de triennen yn de eagen. En de Goutumer NUON-Allee lit sa moai sjen dat allinne it jild yn it marketingtinken fan NUON telt. Ljouwerter planologen en amtners wienen blykber net by steat om dat te kearen. Wat in miste kânsen, wat in ferkeard brûken fan in soad jild en romte en wat in tragyk. It slimste is lykwols dat it iepen fjild wat langer wat mear bedrige wurdt. Wat bliuwt fan dat unike skaaimerk fan Boustreek en Greidhoeke oer? Wat yn Hollân al lang bard is, stiet hjir no te barren. En de gemeenten keare net, mar dogge fan herten oan dat beboskjen, bouwen en timmerjen mei. Lit ik in wat lytsskaliger foarbyld neame: it Ljouwerter NS-stasjon. Dêr hat de feroaring fan funksje de ferloedering yn de hân wurke. Wie it stasjon earder it plak dêr't men hinnegie om in reis mei it spoar te begjinnen, of dêr't de reizger syn doel krekt berikt hie; in plak dêr't de spanning fan wat noch komme soe of wat krekt foarby wie, taastber wie; in plak dêr't de polsslach fan de provinsjale ekonomy fielber wie; in poarte ta in ûnbekende wrâld; dat is no it plak dêr't jûns let noch hurd in kroket of frikandel út de muorre helle wurdt en dêr't sneins it earder ferjitten blomke kocht wurdt. It is it plak dêr't dakleazen en swervers oernachtsje en omhingje. De krykkrakkige NoordNed-treinen wurde sa min mooglik skjinmakke en yn it stasjon binne de loketten om it kaartsje foar de grutte reis te keapjen no noch nei de efterkant ferballe en straks hielendal ferdwûn. Etos, Bruna en Free Record Shop hawwe, yn iendrachtich oparbeidzjen mei de NS, de prachtichste reisarsjitektuer omtovere yn in selde nearzich winkelsintrum as dêr't de reizger krekt weikomt. Soks kin sûnder beswier efterútgong neamd wurde. Efterútgong dy't alles te krijen hat mei it feit dat de NS it sicht op syn kearntaak kwytrekke is en dêr't de flok fan it marketingtinken syn slopende útwurking dien hat.

Merkegeast

Ik ha de beide wanstaltige ljochtarmatueren op de Ljouwerter Nijstêd hjirfoar as merkebousels oantsjut. It binne de produkten fan in gemeentebestjoer dêr't in merkegeast feardich oer wurden is. Earder koe neat yn Ljouwert, doe regearre de algemiene plysje-oardering noch op elk mêd. Mar doe't de gemeente yn de gaten krige wat dat net oan ynkomsten skeelde, waarden de prekariorjochten ta gouden aaien opwurdearre. Net allinne yn juny op it Saailân merke, mar alle moannen en yn de hiele stêd, dat is it stribjen. Gjin terras, gjin kroech, gjin evenemint tefolle. Frijmerken, 5-maaie- en truckers-festivals, Sirkus Ljouwert, braderyen, optochten, studintefeesten, buertbarbekjûen, kroegetochten, it leafst mei safolle mooglik leven en op safolle mooglik plakken, befoarderje, sa seit de gemeente, it libben yn de stêd. It is al in gotspe om leven en herje mei libben lyk te stellen, mar it is noch slimmer dat dy ûntjouwing wat langer wat mear de iepenbiere romte bedriget. Plysje en

Trotwaer. Jaargang 32 stedsbehear kinne de byferskynsels fan al dy fleurige drokte net mear byhâlde, lykas alle wykeinen en tongersdeitejûnen yn Ljouwert, en net allinne dan en dêr, waarnommen wurde kin. De iepenbiere romte is oan de kommersjalisearring priisjûn en dat hat it ferfal fan dy romte ta direkt gefolch.

Trotwaer. Jaargang 32 284

De nijbou fan Avérotoer, Harmonie of stedskantoar is foar de gemeente, passend by de nije hâlding, net mear en minder as in evenemint. It giet om tafallige barrens dy't gjin gefolgen foar de neiste omkriten of it fierdere belied hawwe. Dêrom kinne de regelings en foarskriften ek maklik efkes oanpast wurde. De strjitte wurdt salang as de bou duorret ôfsluten en as it allegearre klear is, giet alles wer syn âlde en gewoane gong. Nije gebouwen wurde as teaterkûlissen sjoen, dêr't it deistich libben him foar ôfspilet, òf krekt efter ferskûlet. It toaniel wurdt ferboud, mar de skouboarchseal feroaret net. De nijbou fan de Harmonie hat fiif jier nei dato gjin inkeld posityf effekt hân op it ferpaupere Ruterskertier en de oanswettende Molen-, Wolve-, Hania en Ipe Brouwersstegen. De tafallige nijbou is in dekor dat it sicht op de earmoede fan it belied sa't dat sûnt de fyftiger jierren yn en troch Ljouwert fierd is, besiket te ûntnimmen. Pas as de bou fan in Avérotoer fierder rikt as dat wat no bart en de binnenstêd net as ien grutte merke sjoen wurdt, kinne duorsumens en kwaliteit yn it fierdere Ljouwerter belied op it mêd fan de romtelike oardering en folkshúsfesting in plak krije. Dan pas kriget de foarútgong in kâns.

Lytse oprop

Om it safier te krijen is it nedich dat de oerheid net langer it marketing- en merktinken fan de grutte kommersjele konserns ta foarbyld nimt of nei-apet, mar syn eigen doelen útset. In gemeente moat him net ta in merkegeast ferliede litte, mar him dêr krekt tsjin fersette en op duorsumens en kwaliteit oanstjoere. Net de waan fan de dei en de kommersje hearre te regearen, mar it algemien belang moat it doel wêze. Dat belang hâldt net allinne rekken mei konsuminten, stappers en de waan fan de dei, mar mei alle minsken, kultuer, ferline en net te ferjitten de takomst. Publyk belang ferdraacht him net mei marketing- en merkegeast. It konsumearjen fan de romte heart foar de oerheid net de earste prioriteit te hawwen, lit dat mar oan de private merkpartijen oer. Nee, foar de oerheid giet it yn it foarste plak om it produsearjen fan romte. En it noed stean foar de romte is yn dat perspektyf de wichtichste ferantwurdlikens fan de lokale oerheid. It is de heechste tiid dat it Ljouwerter gemeentebestjoer ta ynkear komt en him tsjin de treurige gefolgen fan merktinken en merkegeast ferset. Dêrom, ik rop de bouhearen ûnder de Aldehou op om dy wanstaltige ljochtpeallen op de Nijstêd werom te bringen. En skaf fierder de te grutte ambysjes ôf en begjin yn it lyts, soe ik sizze. Dat kin troch bygelyks de feilichste, skjinste, grienste en bêst ûnderholden stêd fan it hiele lân te wurden! Dêr kin hiel wat better mei skoard wurde as mei de lette imitaasje fan wat earne oars al lang is. En de echte merkeleafhawwer, dy't oan de jierlikse merke op it Saailân, Cambuursterplein of yn Nijlân net genôch hat, wol, dy reizget mar nei Tilburg ôf.

Trotwaer. Jaargang 32 285

Tegels Meinou P.

In gewoane jûn, tusken seis en sân oere. Frou De Boer krantlêst en man De Vries is oan it itensieden. De tillefoan giet. Frou De Boer wit dat se net opnimme moat, want op dy tiid belje altyd fan dy studintsjes dy't ynhierd binne om de konsumint abonneminten, hotelbonnen of jildlienings oan te smarren. Se stelle de idioatste fragen. Mar it kin ek ien fan de bern wêze. Wylst se nei it apparaat rint, tinkt se dat se sa'n ding hawwe wol dêr't jo it nûmer en de namme fan dejinge dy't bellet op sjen kinne. ‘Mei frou De Boer.’ ‘Goejûn mefrou De Boer. Is menear De Boer ek thús?’ ‘Der bestiet gjin menear De Boer.’ ‘Oh... no, jo partner dan miskien?’ Frou De Boer, dy't oars al lang kalm sein hie dat se net lestich fallen wurde wol, wurdt lilk. Moatte alle froulju partners hawwe? En kin sa'n jonge net betinke dat der ek froulju binne mei froulike partners? ‘Kinne jo it net mei my dwaan?’ ‘No, it giet oer jildsaken en wy geane der fan út dat de man dêr better fan op 'e hichte is.’ ‘Myn man net.’ ‘Ja, mar jo kinne mei dwaan oan in priisfraach. Dan moatte jo in fraach beäntwurdzje en dan kinne jo in skyfakânsje winne.’ ‘Dat kin in man dus better as in frou, tinke jo?’ It bliuwt efkes stil. ‘Sil ik jo de fragen dan mar stelle?’ ‘Jo kinne it altyd ris besykje.’ ‘Is it hûs dêr't jimme yn wenje in keaphûs?’ ‘Ja. Moai dat jo my hawwe, myn man hie soks net witten.’ ‘Hawwe jimme noch ynwenjende bern?’ Frou de Boer sil hast sizze ‘ikke wol’ mar dat fynt se wat al te flau. ‘Nee’, seit se dan. ‘Faaks is it bedrach dat jimme hûs wurdich is folle heger as de hypoteek dy't der op sit. Dat wurdt “oerwearde” neamd.’ ‘Oer-wear-de’, echoot se dom. ‘Net faaks.’ ‘Wat sizze jo?’ ‘Net faaks. Dat is wol wis.’ ‘...Dan kinne wy jimme in kredythypoteek oanbiede mei hiel geunstige betingsten.’ ‘Dy hawwe wy al.’ ‘...No, dan dogge wy gjin saken. Sil ik dan no de wedstriidfraach mar stelle?’ ‘Ja, graach!’ ‘Yn hokker jier kriget Nederlân in nij belestingstelsel? Is dat yn 2000, yn 2001 of yn 2002?’ ‘Yn 2001’, anderet se beret en se ferwachtet in lûd applaus, krekt as by de Frânske kursus op cd-rom as it goede andert jûn wurdt. Mar dat geklap bliuwt út. ‘Jo krije berjocht as jo it wûn hawwe’, seit it jonkje allinnich.

Trotwaer. Jaargang 32 Dat der nei it iten noch in kear belle wurde soe, hie se witte kinnen. Sy en man De Vries steane allebeide yn it tillefoanboek. Hy nimt op. ‘In keaphûs, ja. Mei oerwearde? Dat leau ik wol. Oh, no, dat liket yndie hiel geunstich. Ik soe sizze, stjoer ús de ynformaasje mar ta. Dan sille myn frou en ik dat ris goed yn ús omgean litte.’ In hiel skoft seit er neat. ‘2002’, heart se dan. As hy de hoarn delleit, laket sy lûdop. ‘Wat is der oan?’ freget man De Vries. ‘Kinst altyd noch mei my op skyfakânsje’, seit se.

Trotwaer. Jaargang 32 286

In dizenich ferhaal troch poëzij oerwoekere Durk van der Ploeg

Aggie van der Meer, De stêd, it bist, de ingel. Balladeske. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2000. Ynnaaid 32 siden. Priis f 15.

Yn de behindige tradysje fan de Fryske poëzij mei in debút as dat fan Aggie van der Meer sjoen wurde as in weachstik. Yn tolve haadstikken, dy't op namme en yn belibbing de moannen fan it jier folgje, bout se in boartlik drama op, dêr't se net allinne it jier yn bylâns giet, mar ek besiket skiednis en kultuerhistoarje te omfiemjen, en tagelyk yn de aktualiteit te stean. En dat liicht der net om. Van der Meer lit har yn dizze bondel lykwols net fan bangens beheine, mar nimt de romte. Dit wurk hat as ûndertitel meikrige Balladeske. In wurd dat ik allinne ken as eigenskipswurd en ferwiist nei de balladefoarm. Sa'n wurd moat neffens taalregel noch wat op folgje, lykas ‘balladeske fertelling’ of ‘balladeske fertoaning’. Hoe dan ek, Aggie van der Meer moat it opfette ha as in ballade-achtich stik dat nei't my taliket alles weihat fan lyrysk proaza mei satiryske trekjes. En mei wat ferbyldingskrêft kinne wy it ek in beskieden epos neame, dat op 'e skieding fan proaza en poëzij balansearret. De stêd, it bist, de ingel is dúdlik ynspirearre op de ‘Apokalyps’; as lêste boek fan it Nije Testamint ek wol neamd ‘De iepenbiering fan Johannes’. Oanwizings dêrfoar binne guon personaazjes yn dit wurk dy't in ôfspegeling binne fan figueren yn de Apokalyps, lykas it bist, de ingel, de dichter as de wite ruter, de biskop as fertsjintwurdiger fan Gods bern, de boargemaster, dy't yn in loftkastiel wennet, as fertsjintwurdiger fan de macht op ierde, en de âldrôt as satan. En yn de stêd kinne wy likegoed in ferbylding sjen fan Boalsert as fan Babel. Fergelike mei it kreative taalgebrûk fan Van der Meer, komt it ferhaal oan krapperein. It is te fragmintarysk fan opset om in ienheid te foarmjen. Boppedat wurdt der mear mei wurden skildere as mei minsketypen en ûnderlinge relaasjes. Frijwol it hiele stik troch wurde de personaazjes tefolle op harsels beskreaun en wurde de feiten te konkludearjend werjûn. De biskop dit, de ingel dat, en de boargemaster wer wat oars. En dat famke fan Blokker, mei de reade legging, dêr't ik safolle fan ferwachte, docht oars net as de reklamebuorden oan 'e dyk sette en wer ynhelje en wer bûten sette, en is dêrom net mear as it suertsje by de boadskippen. En dar ha 'k de kranteman en de kroech De Sulveren Leppel noch net ienris neamd. Fierder binne it de lytse opstigings fan in stêd dy't it ferhaal geande hâlde. En dêryn die it my even tinken oan Under Milk Wood fan Dylan Thomas, al moat ik der dalik by sizze, it moat net lykje by it sparkjende yn it wurk fan Thomas. It ferhaal liket in bytsje doel en reliëf te krijen as prosesjerûpen - dêr't grif kjifkrobben mei bedoeld wurde - har ferfrette oan it tsjerkehout, as rotten oanwinne yn tal en lêst, as it bist grutte koerswinsten makket op 'e Beurs, en it bist en de âldrôt, waans belangen lykop geane, ta oparbeidzjen komme. Yn dy posysje besiket it bist de boargemaster om te keapjen om sa de hiele stêd yn hannen te krijen. De boustiennen foar it ferhaal binne der wol en de humor ûntbrekt net, mar geandewei wurdt it ferhaal troch poëzij oerwoekere. Aggie

Trotwaer. Jaargang 32 287 van der Meer is der net yn slagge lykwicht te finen tusken de poëtyske en de fertellende eleminten. Yn de twadde helte fan it stik liket it derop dat frjemden dy't it ûntjilde moatte en de frjemde deade, dy't even ien fan harren is en eardat de jûn falt fertochte wêze sil, de spanning deryn bringe. En dan komt de drinkeldeade boppe wetter, it wurk fan in binde, dat de boargemaster wol in rampeplan. En om it folslein te meitsjen de asylsiker. Dêrmei is de diskriminaasje yn it spul helle. Mar ek dat tema bringt it net ta in (goed) ein. As ferhaal bliuwt it in dizenich stik. En dochs is it tige lêsber om de boartlikens en de ferbyldingskrêft dy't dit lyrys proaza opropt. Der sitte soms sterke en geastige fragminten yn, lykas de belibbing fan keninginnedei: ‘Keninginnedei, de aubade. It kantoar is ticht, it bist sliept út, de boargemaster hat yn al syn hear en fear it loftkastiel ferlitten en sjocht oer De Blanke Top der Duinen de heiten, te betiid fan 't bêd.’ Of de relativearjende werjefte fan Pinkster: ‘Pinkster. Tongerslach út kleare loft. It útslaand fjoer yn tsjerke is mei man en macht werombrocht ta in smeulend brantsje. Yn it foarbygean tilt in asylsiker de holle even op. Hy tocht dat er wat hearde.’ Soms hat it fan útwrydskens, lykas it begjin fan it haadstik ‘July’: ‘De Slach by Nieuwpoort is ferlern, it ôfgroeven heechfean leit der oan syn lot oerlitten hinne. Nero sliept op it stiennen breidsbêd en de Etna smeult ûnder it iis fan Nova Sembla.’ It liket in byinoar swile presintaasje fan histoarjestikjes en driigjend natuergeweld, mar it sil bedoeld te wêzen as it oanjaan fan ieuwen en wrâldskokkende feiten, dy't yn de dêrop folgjende alinea relativearjend ôfset wurde tsjin ferdivedearjende toeristen yn plattrape gers. Van der Meer hat ferskillende kearen wurden yn de tekst ferfrissele dy't ek yn oare betsjutting bekend wurden binne. Lykas ‘it stiennen breidsbêd’ (Mulisch); ‘noait mear sliepe’ (Hermans); de ‘ûndraachlike lichtens’ (Kundera); ‘wachtsje op Godot’ (Beckett). Fierder wurdt der ferskillende kearen fariearre op rigels ûntliend oan de bibel: ‘de huzen mei it bloed op 'e doarren’ (Exodus 12:7); ‘de hân dy't it Mene Tekel skriuwt’ (Daniël 5: 25, 26); ‘Mar de stêd nimt it ljocht net oan’ (It evangeelje fan Johannes 1:5); ‘Foar de mânske spegel feit de biskop it teken fan 'e holle’ (Iepenbiering 7:3). Net dat ik sa belêzen bin yn de Fryske poëzij, mar lêzendewei kamen bepaalde útdrukkings en rigels yn dit dichtwurk my bekend foar. Der stiene dingen yn dy't ik earder lêzen hie. Om dy reden ha ik de bydragen fan Aggie van der Meer yn de literêre tydskriften Hjir en Tzum der nochris op neilêzen. Sadwaande fûn ik nei in frij willekeurich ûndersyk op minstens fyftjin plakken rigels en fersfragminten yn De stêd, it bist, de ingel dy't earder yn in folslein oare kontekst publisearre waarden. Dêrom liket it my ta, dat hjir en dêr tafallichheid in rol spile hat by it skriuwen fan dit wurk. Der wurdt safolle poëtysk materiaal brûkt út earder wurk yn in oare betsjutting as de oarspronklike, dat it my soms tinken docht oan in kollaazje. Ek al om't ik my dy oarspronklike poëtyske betsjutting al eigen makke hie en hjir it fers útinoar roppe weromfûn yn in fjild fol abstrakte blommen. Fansels, in dichter is frij materiaal út syn of har oeuvre op 'e nij te brûken. Mar as by dat op 'e nij brûken der fan de oarspronklike funksjonaliteit neat of amper wat oerein bliuwt, heakket by my de fraach: wêr hat sa'n fers dan ta tsjinne? En hat - ôfsjoen fan de lêzer - sa'n útinoar roppe fers dan noch betsjutting foar de dichter? En kin de dichter sokke ‘ûntmantele’ fersen noch bondelje? Of moat ik de fersen,

Trotwaer. Jaargang 32 foarôfgeand oan dit ‘balladeske’ besykjen, sjen as oefenmateriaal? Dan bliuwt by my dochs de

Trotwaer. Jaargang 32 288 fraach, wat is no echt? Of jilde hjir de dichtrigels fan Gerrit Achterberg: ‘Met dit gedicht vervalt het vorige. Ik blijf mijn eigen onderhorige.’? It liket my ta Aggie van der Meer hat it plan opfette om in omfangryk poëtysk wurk te skriuwen. Dêrby hat se alles ynfestearre om ta har doel te kommen, en alles ûnderdienich makke oan wat har by dy opset foar eagen stien hat. En ik moat sizze, ek al komt it ferhaal net alhiel ta syn rjocht, dat it hjir en dêr alluere kriget. En dat se besocht hat fet te krijen op wat gruts. Dat mei foar in debutant in stap te fier wêze. Ik soe wolle dat mear dichters oanstriid fielden ta dat grutte, mar dan sûnder fan har eigen fersen te rôvjen.

Te wier om moai te wêzen Durk van der Ploeg

Jan Dotinga, De stilte is fol rûn. Teksten, lieten en gedichten. Kristlik Fryske Folksbibleteek, Aldehaske 2000. Ynnaaid 72 siden. f 14,90.

Seisentritich jier lyn skreau ik yn it wykblêd Frysk en Frij in artikel oer de noch net ferskynde bondel fersen Lytse ivichheid, fan de doe tritichjierrige dichter Jan Dotinga. Syn debút soe in jier letter wêze. Ik skreau oer it wurk, om't Dotinga in rykstalage krigen hie foar dy noch net publisearre bondel. En dat it de earste kear wie dat in Frysk dichter sa'n talage - bedoeld as oantrún fan jonge keunstners - takend waard. Sûnt binne der hiel wat bondels ferskynd fan dizze dichter, dy't yn dy earsteling ûnderfinings en ûntdekkings fan syn bernewrâld fêstlei. By it wer lêzen fan dy earste fersen foelen my inkelde wurden op yn it fers ‘de sleat’: ‘Dêr prike de rook fan blaumodder / de nieren en waardst as bern ‘ierdeljocht'’. In kwetsber en skruten dichter dy't syn krêft fral socht yn de lytse libbensrûnte en de eigenskippen fan de taal en dêrmei boartsje woe. Hy beneamde de wrâld yn de ferwûndering fan it wurd. En dat is noait oars wurden, al moatte wy dat Wurd no mei in haadletter skriuwe. Syn dichterskip hat geandewei hieltyd mear liturgyske eigenskippen krige en de taal is hieltyd mear geastlike taal wurden. Dy ierdske bemoediging, ûnder ynfloed fan Obe Postma delskreaun yn dy earste bondel, hat it yn de dichter ferlern. Syn ierdeljocht is himelljocht wurden. It berneboartsjen yn de bondel Lytse ivichheid hat rillegau plak makke foar in earnstiger ûndertoan. Mar ek it persoanlike lûd, lykas dat trochklinkt yn dy earste bondel en yn Finster op Helgolân, is ferdwûn. Wat Dotinga docht yn De stilte is fol rûn, mar ek yn eardere bondels lykas Nou't Hy de hichte hat, is tsjûgenis, is in stilearring fan it leauwe mei ryklik taaleigen yn de foarm fan gebed, meditaasje, belidenis, liet of hymne. Allegearre ûnderdielen fan de tsjerklike liturgy. Om't liturgy har krêft ûntlient oan tsjerklike en

Trotwaer. Jaargang 32 289 teologise tradysje en stuollet op it ritueel, sprekt it foar himsels dat it dichterskip fan Dotinga ûnderdienich wurden is oan teologise ûtgongspunten en tsjerklike tradysje. Dêrmei is it persoanlike lûd opgien yn it godstsjinstige en yn it grutte gehiel tsjinstber wurden oan de tsjerklike gemeente. It is hjir net de dichter dy't oan it wurd is, mar de leauwige. Dêr is neat op tsjin. Mar it hâldt wol yn dat dit wurk net op literêre wearde hifke wurde mei. Dat hie oars west as Dotinga syn leauwe as dichter ûnder wurden brocht hie, lykas Fedde Schurer en Gerben Brouwer dat yn har tiid diene. Mar dat docht er net. Hy kiest dúdlik foar in liturgyske foarm en toan. De krêft fan liturgy is werkenberens en werhelling. En de eigenskip fan elke liturgy is dat it net persoanlik is, mar gaadlik foar de tsjerklike gemeente, dat wol sizze mei in wy-gefoel. Om liturgy by de tiid te hâlden moatte de âlde wearden hieltyd op 'e nij ûnder wurden brocht wurde. Dêrom, as Dotinga wat nijs te sizzen hat, moat dy fernijing yn foarm of taal of opfetting socht wurde. Dy fernijing sjoch ik ynhâldlik net, om't dizze teksten de tsjerklike leauwensleare op 'e foet folgje. Hy ûndergraaft gjin tradysjes, smyt gjin fragen op, stelt syn persoan net yn 'e kiif en giet gjin diskusje oan mei hokker teologise of tsjerklike opfetting ek. Mar ek foarmtechnys is it in swylsel út 'e tsjerkeblêden. Mei oare wurden, it is gjin literatuer en dat wol it ek net wêze. Literatuer is gjin ferbale útlis fan in - yn dit gefal - teologise en tsjerklike werklikheid of leauwensleare. Literatuer praat net, preket net, mar presintearret en lit wat oars, wat nijs sjen. Dotinga ferkundiget en befêstiget. Dotinga draacht neat persoanliks by, of it moat de taal wêze. Dat taalgebrûk is sterk aforistys en mei safolle taaleigen optúgd dat it my gauris in manierke liket te wêzen om klisjees yn in oare kontekst as metafoar te brûken. Sokssawat docht er yn ‘Libbenslietsje’: ‘Hy soent it mâle fel / en kin de sûnders fele.’ Dêr binne ‘it mâl fel oan krije’ en ‘immen fele noch daaie kinne’ yn ferarbeide. In oar foarbyld stiet yn ‘Goedfreed’: ‘Unferskilligens / leveret de breugeman oer / oan it lot: / balken sprekke it oardiel út.’ Dêr is ‘balken midstwa sprekke’ yn ferarbeide. Mar it wiene de balken net dy't sprieken, dus moat it lêzen wurde as metafoar foar swetsen en swearen. En wat oant yn it hinderlike brûkt wurdt binne de tsjinstellings fan goed en kwea, mar dat is ek in eigenskip fan tsjerklike liturgy. Ien foarbyld dat ik fan side 24 plôkje: ‘Dy't ta oarloch opropt / sil it Bern fan de frede moetsje / en wa't mei hate libbet / fynt it Bern fan de leafde.’ En sa folgje der noch trije kûpletten. Troch al tefolle taalboarterij ûntsteane der soms kryptyske omskriuwings, mar ek brike útfallen lykas yn ‘Nacht fan ferwûndering’ it ‘Tate fan de tiid op it tonkje fan de Ivige’ dat op my oerkomt as sektaryske bombast. Wa't bekend is mei it wurk fan Dotinga sil it al lang opfallen wêze dat it wurd ‘stilte’ yn al syn wurk sintraal stiet. Dat wurd is yn al syn bondels ryklik te finen. Mei dizze bondel is dy stilte fol rûn. Betsjut dat foar Dotinga in earbiedige stilte foar God? In stilte as folheid; as soe it lêste wurd sprutsen en skreaun wêze? Mar dochs skriuwt er yn ‘Dit is de tiid’: ‘Dit is de tiid fan wurden dy't tichtsje, / taal sûnder ferbân, mar earne moat / in skeppend lûd te hearren wêze.’ As dichter wol er de stilte wer ferbrekke. Mar as er dat dan wol, lit him dan taal mei ferbân skriuwe en in skeppend lûd hearre litte. Want dit is te wier om moai te wêzen.

Trotwaer. Jaargang 32 290

Fammeleed Sjoerd Bottema

Saakje Huisman, Losse hannen. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2000. 239 siden, f 24,50.

Learlingen yn 'e boppebou fan it fuortset ûnderwiis kinne mei Losse hannen fan Saakje Huisman, Swart op wyt en Kuneara fan Akky van der Veer en Imitaasjelear fan Jetske Bilker - allegear boeken mei de adolesinteproblematyk fan fammen/jonge froulju as tema - in aardich pakketsje fammeleed gearstalle foar har Fryske boekelist (‘lêsdossier’ hyt dat tsjintwurdich). (Learlingen dy't Frysk lêze, besteane dy? Ja, dy binne der; no't Frysk, yn de ‘vernieuwde tweede fase’ de status krigen hat fan ‘tweede moderne vreemde taal’, kin it, hoe pynlik dy kwalifikaasje ‘vreemde taal’ ek klinke mei, konkurrearje mei Frânsk en Dútsk, en dat smyt, yn ferliking mei de âlde sitewaasje - in hantsjefol kandidaten, soms ien mear soms ien minder - boskjes nije learlingen op: ik ha der no 23, in klasfol!)

Yn Losse hannen binne wol wat eleminten werom te finen dy't ek yn Huisman har début, de ferhalebondel Sûnder hûd (1998), al oanwêzich wiene: gauris in froulike haadpersoan op 'e grins fan famke/jonge frou, problemen tusken memmen en dochters, bruorren en susters. It boek hat it gedicht ‘Einekroas’ as motto. In skriuwersnamme wurdt by dat gedicht net neamd, dat we sille mar oannimme dat Saakje Huisman sels de auteur is. It is in frijwat swiet en weak ferske en om mij hâldt Huisman har tenei by it proaza, want dat hat gelokkich mear kloaten as dit priuwke didaktyske natuerlyryk. Tessa is lykas it ‘inkeld kroaske’ dat ‘wat fersille’ omdriuwket en net wit ‘wêr't it bedarje sil / oant it stil / mei it ferstriken fan 'e tiid / yn nij / iepen farwette gliidt.’ En yndie, oan 'e ein fan it boek is Tessa's grutste probleem út 'e wrâld, dat hja hoecht dan net langer fersille om te driuwen. De titel slacht op de losse hannen fan Jeroen, in alternativeling fan likernôch 30, sûnder fêst wurk, de ‘filosoof’ neamd, dwaande mei in skripsje oer ‘De minsk en syn dingen’, dy't mar net op papier wol, in gebed sûnder ein, wat trouwens ek sein wurde kin fan dy jonge sels. Jeroen is fereale op de 14-jierrige Tessa en kin net fan har ôfbliuwe. ‘Losse hannen’ kin ek in figuerlike betsjutting ha. Tessa ferliest har hâldfêst, har wissichheden: op skoalle giet it net goed en thús allikemin. De relaasje mei Jeroen makket har tige ûnwis, se wit net hoe't se dêrmei oan moat en fral de eangst dat se fan him yn ferwachting is, hat har yn 'e macht. Tessa is net opwoeksen tsjin de problemen dy't op har ôfkomme en dat utert him yn flechtgedrach - Tessa lûkt har werom op har eigen keamer, spijbelt fan skoalle, fielt har algeduerigen siik, swak en mislik en kin meastentiids gjin hap troch de kiel krije. Har iennige stipe en skûl is Sjerda, in allinnichsteande frou, dy't letterlik en figuerlik bûten de mienskip stiet. Sjerda wennet op in spultsje buten it doarp en giet folslein har eigen gong. De doarpsmienskip beskôget har as in frjemde apostel en dat wurdt noch fersterke troch it uterlik fan Sjerda: fanwege de oerdiedige hiergroei oer har hiele lichem wurdt Sjerda de ‘hierfrou’ neamd. Sjerda hat yn it ferline har

Trotwaer. Jaargang 32 291 drama al belibbe; besoademitere en útstjitten is hja lottere út dy striid kommen en in sterke, ûnôfhinklike frou wurden. Tessa skammet har sa foar wat se mei Jeroen útheeft hat, dat se net earlik doart te wezen foar de persoanen oer dy't oars wol nei har harkje wolle (de learaar Toonstra, har heit en benammen Sjerda), sadat dy har net helpe kinne. Mar Sjerda hat wol fan begjin ôf oan in fermoeden en sy is it dan ek dy't mei de liepe Jeroen ôfweeft en it paad foar Tessa skjinfaget, sadat hja ‘yn nij iepen farwetter’ glide kin.

Tessa sels is reedlik nuansearre tekene. Om't fierwei it grutste part fan it boek út Tessa wei skreaun is, leit it der mei de byfigueren lykwols frijwat swart en wyt hinne. Sjerda is hillich, heit is de good guy, mem in domme bongel oan 'e poat, broer Brucht in duvelske klier mei likefolle frustraasjes as pûkels om 'e kop. De skriuwster seit it net mei safolle wurden - om my hie se dat wol dwaan mocht, dan hie dy jonge wat mear reliëf krigen - mar wy kinne wol riede wat der yn him omgiet: wiete dreamen fan moaie blommen yn lij wetter dy't har like willich iepenteare as in jongfaam yn in boek fan Hugo Claus. En dus is er hartstikkene jaloersk op syn kreaze suske, dy't er sjoen hat mei in folwoeksen man, wylst hja iepengong ‘als een natte, gespleten vrucht’ (Hugo Claus, De getuigen) en dat wurket by de maagdlike Brucht as oalje op it fjoer. Mar de echte duvel is Jeroen: in liepe, kliemske smjunt mei tûke ferlechjes en moaie praatsjes, dy't it op jonge minderjierrige famkes foarsjoen hat en as er mei de geile kloaten foar it blok set wurdt, lefhertich de rollen omdraait: net hy soe wat mei Tessa, mar Tessa soe wat mei him wolle. Yn in pear haadstikjes leit it perspektyf by de tsjinspilers ynstee fan by Tessa en dêr besiket de skriuwster in kromke begryp op te roppen foar Brucht, en benammen mem, mar it hâldt net oer en mei Jeroen hat Huisman al hielendal gjin begrutsjen. Mei wat mear oandacht foar dy byfigueren en dan wat evenrediger oer it boek ferdield, soe it ferhaal oan djipte wûn ha. No bliuwt it de oerflakkige kant neist, frijwat iensidich en soms (Jeroen) karikaturaal. Karikaturaal binne ek de passaazjes dêr't sitearre wurdt út Tessa har learboek keunstskiednis. Tessa sit yn 'e twadde klasse fan it fuortset ûnderwiis en moat, sa wol Huisman ús leauwe litte, har teksten eigen meitsje lykas: ‘... dat het bestaan van menselijke wezens nooit bevredigend verklaard zal worden in termen van afzonderlijke instincten of doelgericht mechanisme. (...) Boven en buiten deze driften dient onze innerlijke, psychische realiteit tot het openbaren van een levend mysterie, dat alleen door een symbool uitgedrukt kan worden en voor deze uitdrukking kiest het onbewuste dikwijls het machtige beeld van de Kosmische Mens...’ En dat soene twadde klasserkes begripe moatte? Dêr snappe de eineksamenkandidaten yn 6-vwo noch gjin kloaten fan! Wat sis ik, sels ha ik der ek wol oan. Dat karikaturale flokt mei it realisme dat yn dit boek fierder de toan set. Ek yn it taalgebrûk. Om realistysk te bliuwen en foar te kommen dat it taalgebrûk al te fier ôf komt te stean fan dat fan in 14-jierrige kiest Huisman geregeld foar ‘natuerlik’ Frysk ynstee fan ‘geef’ Frysk. Huisman kiest foar ‘geef’ as it net tefolle opfalt en mijt ‘min’ as dat der te bot útspringe soe. Elkenien seit ‘ferlyfd’, dus Huisman nimt dat oer, want ‘fereale’ klinkt wol prachtich, mar út de mûle fan in 14-jierrige is it in frjemd gehoar. Elkenien seit ek ‘sich’, mar dat nimt Huisman net oer, want ‘him’ en ‘har’ is moai geef sûnder dat it opfalt. Elkenien seit fan ‘leugen’, mar Huisman sprekt fan in ‘leagen’ omdat, tink ik,

Trotwaer. Jaargang 32 292 foar har gefoel it minne Frysk hjir noch mear opfalle soe as it geve. Yn gefallen as ‘yndied’ en ‘inderdaad’ is it allebeide eins gjin gehoar en dan kiest Huisman oer it generaal konservatyf.

Even wie ik bang dat oan 'e ein alles goed komme soe: Tessa goed en wol by Sjerda ûnderdak, Jeroen exit, heit en mem wer ienriedich byinoar, mem oan it begjin fan in nij bestean as aspirant-ferpleechster, heit wat faker thús, Brucht... - mar hoewol't der in oanset is ta sa'n al te moai happy end, wit Huisman har gelokkich noch krekt op tiid yn te hâlden en breidet hja dy waarmwollen sok net hielendal ôf, sadat der dochs noch wat losse einen en triedsjes oerbliuwe. Saakje Huisman skreau mei Losse hannen in eigentiidsk, libben en ûnderhâldend boek, dat om my wol wat mear ferrassende mominten en hichtepunten ha mocht hie. It eamelt my soms wat tefolle troch op deselde toan en mei itselde folume. Dat gefaltsje mei Tessa en Jeroen, dat is fansels in hichtepunt, mar dat ha wy yn it begjin al hân en sa need giet it letter noait wer. It boek kabbelt fierder oer de neisleep fan dy kwestje, sûnder dat de spanning opfierd wurdt, sûnder echte ferrassingen of nije eachpunten (wat bygelyks kinnen hie troch Tessa har opponinten wat mear ynhâld en stal te jaan). De haadstikjes dy't net út it perspektyf fan Tessa wei skreaun binne, waarden foar my mear en mear it salt yn 'e brij en dêr hie ik wol wat mear fan ha wollen. Huisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich; fral it getsier tusken Jeroen en syn frou Fyt levert prachtige catch-as-catchcan op, grouwélich, gemien en genipich.

Trotwaer. Jaargang 32 293

Kophimmeljen op syn Eurofrysk Henk van der Veer

Bartle Laverman, Kophimmelje. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 40 siden. f 19,50.

Yn 'e sechstiger en santiger jierren fan 'e tweintichste ieu kamen der regelmjittich dichtbondeltsjes mei fersen út dy't ûnder oaren as doel hiene om troch middel fan poëzij gedachten oer te bringen. Sûnder twang. Sûnder in hillich moatten. Gjin paternalisme. Gjin biningen. Oanslutend bij de aktualiteit op in direkte wize. Konkreet en fersteanber. Feijo Schelto Sixma baron van Heemstra kaam mei it lumineuze idee om soksoarte fan poëzij oer de telefoan ‘út te stjoeren’. Op 26 febrewaris 1968 waard syn idee werklikheid. Dy deis stjoerde de Stichting Operaesje Fers de earste ‘fret-fersen’ de wrâld yn. Kophimmelje, de nije dichtbondel fan Bartle Laverman út Offenwier, soe net misstien hawwe yn 'e tradysje fan Operaesje-Fers-dichters. Dêrmei wol ik net sizze dat Kophimmelje bij ferskining al datearre is. Mar dat Laverman in avantgardistys dichter is, soe ek in konklúzje wêze dy't besiden de wierheid is. Sa út en troch binne biografise gegevens fan in dichter relevant foar it besprekken fan syn poëzij. Sa'n biografys gegeven is de leeftyd fan de dichter. Laverman is fan 1948 en hat de midlife-krisis sa stadichoan achter de rêch. Op papier sit er lykwols noch midden yn 'e soares. Hij wol ôfrekkenje mei it ferline. ‘De dichter spinrêget en stofdoekt syn holle om âlde smoargens, ynfretten oantinkens, fêstklibbe wrantelichheden, kop-op-stekkend “âld sear”, no ris foargoed út syn holle te reagjen en skjin te meitsjen’, sa stiet yn in Nijsbrief fan de Koperative Utjowerij, dy't de bondel mei 24 fersen útjûn hat. Laverman makket regaad en wat dat oanbelanget slút it omslach, dat byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra foar dizze útjefte makke hat, goed oan bij de ynhâld. Hooghiemstra hat nammentlik bledsiden út in orizjineel grutboekskrift as omkaft brûkt. Mei oare wurden: de foarriedige rekken kin opmakke wurde. Op de achterkant fan it etiket dat op myn eksimplaar sit, stiet in adres mei as datum ‘5 febr. 1937’. In unyk omslach! De titel fyn ik dochs al hiel orizjineel, kophimmelje wie in wurd dat noch net bestie en hjir dus yntrodusearre wurdt.

Laverman is in anekdoatise dichter, hij skriuwt yn in gewoane taal oer in herkenbere (Fryske) wrâld en hij is skerp yn syn observaasjes. Hy brûkt konsekwint de frije fersfoarm, syn styl is hiel direkt, koartsein parlando-poëzij fan it boppenste buordsje. Dat Laverman wearzget (no ja...) fan it Fryske literêre wrâldsje, dêr 't er troch syn publikaasjes oars wol diel fan útmakket, wurdt moai dúdlik yn it folgjende fers spyt

moatst in soad oer dy komme litte ast dy yn 'e fryske skriuwerij bejoust: in piter dy't by de Stien sprekt ôfgryslik flitsende perfesters frysk

Trotwaer. Jaargang 32 294

dy't nei dizze rigel al wer lilk op dy binne de kop fan jant yn 'e krante in smûgjend âld man út frjentsjer dy't dy wiet makket mei syn lyts lultsje dûmny tromp as tinker âlde wiven, dikke froulju en allegear skoalmasters sels de fine fleur kin wol sûpe mar net lekker ite

ast it oerdwaan koest soest sjonge en dûnsje as syb

De dichter jout yn in kolofon, mei ‘in stikmannich kontekstferwizingen’ foar it jongere lêzerspublyk, wol in ferklearring foar syn taalgebrûk: ‘yn myn praattaal sitte ingelske en nederlânske wurden en soks ha ik hjir net ferfryske’. Hij neamt it ‘Eurofrysk’! Toe dan mar, it nimt net wei dat der noch al wat taalbonkjes yn dizze fersen sitte. Yn mar leafst in tredde part fan alle fersen komt Laverman syn antypaty tsjin it kristendom ta útering. No is Laverman fansels net de earste skriuwer dy't yn syn eigen kalvinistise nêst skyt, Maarten 't Hart en Jan Wolkers, om mar ris twa te neammen, gongen him lang lyn al foar. Wat Laverman oer dè grifformearden skriuwt komme wij ek al tsjin yn de poëzij fan Trinus Riemersma út 'e sechstiger jierren (1968 om eksakt te wêzen, achter yn de roman De hite simmer). It sil foar Laverman syn generaasjegenoaten allegear sûnder mis tige werkenber wêze, dizze grifformearde frusstraasjebluesfersen, mar sa stadichoan witte wij allegear wol hoe min (alteast yn Laverman syn optyk) as it ‘gedachtengoed’ fan dy folgelingen fan dr. Abraham Kuyper wol net wie. As foarbyld fan in anty-grifformeard-Bartle Laverman-fers sitearje ik: oer psalmen

de griffermearde God hâldt net fan poësij oars hie Er syn tsjerkfolk allang de tongspier ferlamme!

dat oars folwoeksen minsken sokke stupide dûmny's rimelarij út 'e bek krije giet by my goed kwea

faaks dat hjir de rigel: ‘worden als de kinderen’ akute bernskens bringt

Trotwaer. Jaargang 32 of de Ald Man is wat dôf of al dea...

Ik fyn it allegear wat te plat, te simpel oardiele, te partikulier en in te min oan relativearringsfermogen wat Laverman hjir op papier set. Hij skriuwt neffens mij tefolle oer dè grifformearden en dy besteane net. It is fansels wol maklik om alle grifformearden op ien bulte te feien, en dêrnei oer ien kaam te skearen, mar dat is al te ienfâldich tocht en de praktyk is justjes oars. Dat Laverman gjin grevel respekt hat foar religieus tinken tsjûgje ek fersen lykas ‘pears’, ‘gekoanstekken’ en ‘elia’ fan. Hij ferstiet de geheimtaal net dy't achter de bibelse ferhalen

Trotwaer. Jaargang 32 295 sit. Slimmer noch hij hat ek net al te folle bibelkennis: it is net de profeet Elia dy't útskolden waard, sa't Laverman suggerearret, mar de profeet Eliza. En at je net iens witte wa't Elia of Eliza is, skriuw der dan ek net oer. En foaral net gekoanstekkerich. Nochris ik ha gjin hege pet op fan Laverman syn kennis oer hoe't Joaden âld-testamintise ferhalen lêze en omdat dy kennis ûntbrekt raast en racht de man út Offenwier der mar wat hinne. Folle sterker - en dat komt benammen troch in gruttere ‘dosis’ humor (no ja...) dy't yn it fers sit - fyn ik: griffermeard ite

klokslach tolve de blomkeskelk set de pannen op tafel de pet ôf foar it altiten itselde gebed Amen! defoarkeyn 'e fûst de bek by de râne fan it board en dan lade! gau sa folle mooglik nei binnen smite it swit komt op 'e foarholle der wurdt neat sein ‘net prate ûnder 't iten’ de bealich fol even bekomme ûnder it rituele bibellêzen de Heare hertlik tankje en alle zieken en hongerigen de kop op 'e bûsdoek oant ienen en dan wer oan 't wurk

Lykwols de ynhâld fan it fers lit ek sjen dat Laverman ècht hielendal net begrepen hat yn hokfoar omstannichheden arbeiders eartiids wurkje en ite moasten. Der wie amper tiid om ‘normaal’ te iten, en om soks no ‘griffermeard ite’ te neammen is de ûnnoazele kant it neist. It seit oars wol wat fan it boerzoisie-tinken fan Laverman. It langste fers, ‘it jûnsmiel’, telt acht strofen en giet ek oer iten, de eks-kalvinist Laverman dy't in boergondys miel à la Kaatje bij de Sluis op papier set. De titel fan dit fers ropt fansels wer assosjaasjes mei it kristlike nachtmiel op. Laverman kin ek mar min oer de krinterige en skriemerige regels fan it boargerdom en hij moat dan ek neat ha fan al dy lytse boargermantsjes en boargerwyfkes. En al hielendal net as dat folk yn 'e vut èn op 'e fyts bedarret, dêr weeft er yn ‘vutters’ mei ôf:

[...] de jonge froulju altiten nei de titen sjen sa'n geil terlenka pantalontsje om 'e kont mei in brún learen riemke

Trotwaer. Jaargang 32 in polstaske fansels en alles better witte: libbenserfaring no!

en round-up in soad round-up

Hawar Laverman sil nei it skriuwen fan dizze fersen syn frijheid wol befochten ha, de (Frysk) literêre wrâld hat der wer in anty-grifformeard bondelstje bij en it Frysk is in bysûnder orizjineel wurd riker: kophimmelje.

Trotwaer. Jaargang 32 296

Kâld, kâld! Waarm, waarm! Liuwe H. Westra

Willem Abma, Te fûnling. Gedichten. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 1999. f 29,50.

Yn dizze, neffens de opjefte efteryn, achttjinde bondel mei póesij fan Willem Abma fine wy 82 fersen, ferparte oer seis skiften sûnder titel. Wat is der foar de lêzer allegear te finen? It twadde skift (fjirtjin fersen; it earste kom ik aansen op) liket oer en foar besteande persoanen skreaun te wêzen: Jaap Meems, de lêste nonnen fan 'e Karmel, Ilonka... It slagget Abma dêrby om oer minsken dy't de measten fan syn lêzers net bekend wêze sille dochs oansprekkende fersen te skriuwen. Nim bygelyks de folgjende rigels út it fers ‘jasmouwen’ (s. 41): ‘minsken as jasmouwen reitsje / minsken in eachweid yn en út / flibe en hûd each en azem / soms barnt ien op it netflues nei’. Dêrmei is fuort de tipyske Abma-styl ek yllustrearre: healôfmakke, suggestive sinnen, sterk gebrûk fan konkrete wurden, en soms mei in krekt wat te eksplesyt boadskip. Yn it tredde skift (alve fersen) fynt men it ûnderwerp fan de tiid. Dêrby wurdt dúdlik dat de dichter benammen thus is yn de tiid fan 'e âlderdom. It binne hjir hast allegear sterke fersen, bygelyks ‘oernachting’ (s. 55): ‘hoe't ek de dei ferrint / nei de jûn komt / wat wachtet en winkt// as in moarntiid de dei / wiuwt wa'st wieste dy nei’. Moaie rigels binne ek: ‘Kôgje jimme gedachteleas op stienhurde apels, / my komt in flymskerp meske goed fan pas’ (út ‘generaasjes’, s. 49). Fersin ik my, of imitearret Abma yn dizze bondel bewust de styl fan Obe Postma en oare kollega-dichters? Momintopnamen, obstrewaasjes, fine wy yn it fjirde skift. Mar sân fersen, mar eins allegearre geef en sprekkend. Meskien ien útsûndering: ‘sinne slynder fan 'e dize / dage oer dauwe en lân / ljocht sil oer de nacht kedize / nimt hoeden by de hân’ (‘in iere moarn 2’, s. 64). Abma moat wol kritysk bliuwe: klisjees, sleau rym en neatsizzende rigels ferfele gau. It fyfde skift kin men faaks it bêste autobiografysk neame. Wy fine ûnder oare de fersen ‘Fryslân’, ‘kijophelje’, ‘bertehûs’, ‘epitaaf’. Twa prachtige rigels út dat lêste (s. 80) wol 'k al eefkes sitearje: ‘... / in balling en in libben bang /... / hy fielde in bân syn libben lang’: opboud út in minimum oan lûden, suver gelyk klinkend, mar wat in spanning! Dêrby falt in produkt as ‘boartersbear’ (s. 78) dochs wol slim ôf. Nammers, de iepeningsrigels fan it fers ‘palimpsest’ (s. 72) koenen wol slaan op 'e hiele bondel, sa suterich is it printwurk bytiden: ‘dit stiet skreaun yn in oerâlde taal / net al te duorsum op weak materiaal’. It sechde skift, 12 fersen dy't benammen ynspirearre binne op oare dichters, lit ik no mar gewurde.

‘De dichter en syn dingen’, sa soe men faaks de ynhâld fan Te fûnling tipearje kinne. Mar wat wol de dichter mei syn dingen? Wêrom dichtet er? Siket er ivige rom, wol er fan him ôf skriuwe, sit der in stik sublimaasje efter, of is it mar sa'n aardichheidsje? Dat lêste grif net. It earste en grutste skift nammentlik, achttjin fersen, giet yn syn hiele hear en fear oer it dichtsjen sels. Dêr kinne wy dus mear gewaar wurde. It liket my goed ta om dan it titelfers, dêr't

Trotwaer. Jaargang 32 297 de bondel ek mei iepenet (s. 10), ris wat better te besjen. Te fûnling

dyn fersen hawwe dy tefûnling lein warleas neaken as in poppe net yn in smûke stâl of bernewein yn jarre en stront en groppe

De persoan dy't te fûnling lein is, docht bliken de dichter sels te wêzen. De dichter wurdt oansprutsen (troch wa?), en der wurdt mei him dien. Dichterwêzen is neat om jeloersk op te wurden: jo lizze neaken en bleat foar de lêzer. It suggerearret allegear, dat it dichtsjen sterker is as de dichter. Hy wurdt der neat better fan, it is net noflik, mar hy hat gjin kar. De dichter is oerlevere oan syn dichtsjen. Dy gedachte makket nijsgjirrich, ropt spanning op. Mar it moat my al fan it hert, dat Abma hjir ek wol ta kinnen hie mei de earste rigel allinnich, dy't sterk genôch is. De rest fan it kwatryn makket it allinnich mar swakker, mei de fjirde rigel wol as djiptepunt. Ik hie net hope oait sa nochris by it grynderige fers ‘nynke’ fan Bartle Laverman (Skriuwerskalinderboek 1992, wike 10; de ferzje yn Boerefersen is justjes better te fertarren) bepaald te wurden.

ik haw dy út it ôfeart fiske wat wie dêr net dat rotte dêr lei dyn hert dat kloppe as wie 't ûntstien út jiske

Hjir komt dan de ‘ik’ foar 't ljocht dy't de dichter tasprekt. Hy fynt de fûnling, efterlitten troch de gedichten. Dy syn tastân is der wilens net better op wurden. De wurdkar (‘út it ôfeart fiske’) suggerearret ek, dat it in gelok foar de fûnling is dat er fûn wurdt. Mar troch wa? Yn fersen fynt allinnich in lêzer wat, mar tagelyk is de fynder yn 'e fersen oan it wurd. Moatte wy faaks hjirop oan, dat de ‘do’ en de ‘ik’ beide aspekten fan 'e persoan fan 'e dichter binne? Dat de iene himsels bleatjout, om sa pas troch de oare leafdefol opfongen wurde te kinnen? Dit kwatryn is nammers suver noch swakker as it earste. De patetysk oandwaande retoaryske fraach yn 'e twadde rigel, it healrym yn 'e tredde, de neatsizzende útdrukking ‘dat kloppe / as wie 't ûntstien út jiske’... Dan is it oardiel fan Hylke Tromp noch altyd aktúeel: ‘... yn de foarm noch faak knoffelich en net altyd like muzikaal’ (Spikers & Koppen, s. 63).

op byldskerm yn kompjûtertaal stiet skreaun datst biste as prosesferbaal control-backspace en do bist wiske de dea is soms wol tige triviaal

Dizze rigels ek, tink ik dan. De wurden ‘yn kompjûtertaal’ slane nearne op; ‘prosesferbaal’ is socht. En wat de dea te krijen hat mei de temetyk yn 'e earste beide kwatrinen sjoch ik sa gau net. De dichter stelt him kwetsber op yn syn fersen, mar de dea is dêr dochs neat neier of fierder om?

sil ik dy lêze moatsto dy skriuwe en jimmer silsto in fûnling bliuwe

Trotwaer. Jaargang 32 Aha, it wie in sonnet! En mei in knappe ôfsluting, net oars. Sa't it heart yn twa geve rigels de hiele temetyk. En it liket der yndie op dat de ‘ik’ en de ‘do’ beide in part fan 'e dichter binne. Allinnich troch himsels bleat te jaan foar de lêzer, kin de dichter mei himsels fierder. Hy bliuwt warleas. Mar dochs wurdt er der better fan. Alteast, as wy it ien-nei-lêste fers út dit skift derby helje (‘Lazarus’, s. 27), dat sa beslút: ‘stjer dyn fers dan dichter / sa't ienris Lazarus

Trotwaer. Jaargang 32 298 dat die / stjer in libben stjer it lichter / gean út grot en grêf sa't Lazarus gie’. Dichtsjen is noch mear as jin bleatjaan en akseptearre wurde: it is stjerre en as in nije minske wer ferrize. Mar idéaal is it noch net. Alteast, foar myn gefoel siket de dichter yn it alderlêste fers fan dit skift (‘út it neat’, s. 28) dochs noch wat oars: ‘... // fers dat himsels genôch is / frij fan alles los bestiet / betsjutting jout sûnder dat / it betsjutting ûntlient // lit my oan dat fers ymplisyt / in skûlte yn it wurd en wyt’. Mar dat is meskien mear in dream as in dichterlik pregram.

Sa't it no liket, jout Abma ús fersen dêr't in dichter himsels plak yn siket troch himsels bleat te jaan. De spanning dy't dat opsmyt, makket it ûndernimmen foar de lêzer nijsgjirrich. De lêzer begjint nijsgjirrich te wurden: leit dêr wat dat de muoite wurdich is? En lykas sein, gauris is dat sa. Mei ferskate fersen sil it de fûnling wol slagje om plak te krijen. Spitigernôch net mei allegear. It is al earder opmurken: de dichter Abma hat ek syn swakke kanten. Guon fersen of parten derfan binne nei foarm en ynhâld net sa botte bysûnder. En just syn eigen pregram makket de dichter dêr kwetsber foar. Ommers, in swak fers mei de dichter sels as ûnderwerp giet eins oer in dichter dy't net dichtsje kin. Dus nearne oer. Dêrby moat ek it byld dat de dichter fan himsels jout jin oan wolle. Wat dat oanbelanget geane fersen as ‘demiurch’ (s. 11) en ‘de dierlike dichter’ (s. 14-15) op 'e doele. In dichter dy't him identifisearret mei in dúnjende bok of dy't him witwat ynbyldet omdat er mei in kompjûter wurket komt der by my yn alle gefallen net yn. Ek poétikale wiispraterij lykas ‘o dichter Obe do wiest sa wiis / mei Fryslân en har ljochte ierde / datsto yn Grins sietst wie in griis /...’ (‘hillichskeining’, s. 17) en ‘... om't ik sûnt Slauerhoff/ net wenje mei yn in gedicht)’ (‘werwurd’, s. 23) docht de dichter syn saak net goed. En boppe alles: in fûnling mei wol gûle, mar dan graach oertsjûgjend. Ien dy't skriemt fan ‘dyn maniakale moker fol amok / sloech blyn satanysk yn op 't reach / dat tear en fyn in libben spûn: / persoan en poëzij ta web ferbûn / al wat ik wie, it moast kapot’ (ibid.) lit ik lizze. Dêrby is it nuodlike, dat it dichterlik stribjen yn Te fûnling by Abma blykber just sokke fersen opropt, en dat tagelyk just sokke fersen syn stribjen ôfbrek dogge. Gelokkich steane dêr genôch fersen foaroer dy't, binnen Abma syn poetica, àl wurkje. In fers as ‘foardracht’ (s. 16) bygelyks kinne jo de bondel rêstich om yn 'e hûs helje. Sterker noch, sokke fersen meitsje dat men ek yn 'e oaren nochris better siket om de dichter dy't fûn wurde wol.

Trotwaer. Jaargang 32 299

Net fierder as de bûtenkant Rudy Hodel

Friesland is... Tien visies op Friesland. Frysk Museum, Ljouwert, 4 juny oant 4 septimber. Katalogus mei tekstbydragen fan Wim van Sinderen, Sven Lütticken en Michaël Zeeman. 68 siden. f 34,90.

Foto's binne al jierren in grutte trend yn 'e keunst. It wie dan ek in prima idee fan it Frysk Museum om de Simmer 2000-manifestaasje te ferbinen mei in foto-opdracht en sa de aktualiteit yn hûs te heljen. Oan tsien yn binnen- en bûtenlân ferneamde keunstners waard frege ‘hun visie op Friesland weer te geven’. De resultaten binne oant 4 septimber te sjen op de fototentoanstelling Friesland is... Ja, hy kaam dochs noch, omke Jappy fan Grand Rabbits, 200 meter heech en 250 ynwenners. Op de lêste dei fan syn trip nei it Heitelân knoffele er it Frysk Museum yn en lake syn lêste tosken bleat. ‘Hé, wat binne dat moaie koppen fan asylsikers, ek ymmigranten no’, op de foto's fan Céline van Balen (1965). ‘Dy ha wy thús ek wol’, tocht er by himsels. Foarút, mar wer fierder. Hé, ‘wow’, in moaie grutte giele loads fan Boris Becker (D, 1961). ‘Dy haw ik thús ek. Ha 'k foar myn oldtimers. Nee, ik wenje earne oars. Hoho, net sa hurd, want dat liket wol famylje’: ‘Pieter Sietesz. Brouwer’, ‘Lodewijk Meeter’, ‘Op de werf van Peter Sijperda’, allegear sketten troch de fotograaf Koos Breukel (1962). ‘Wat binne se grut wurden net’, doelend op it formaat. ‘Mar hee, wêrom sjogge se der sa depressed út? Giet it hjir soms net goed yn Fryslân? Binne de kleurefilms op? Of wurde se socht troch de plysje?’ Je kinne der in aardige karikatuer fan meitsje, mar ús ‘Omke Jappy’ hat wol in bytsje gelyk. It measte op dizze fototentoanstelling falt yn de kategory algemienheden. It binne meast

Erik Hesmerg, Zonder titel. 2000. Gelatinezilverprent, 200×120 cme moaie plaatsjes fan saken, dy't rûnom op 'e wrâld te sjen binne. De perfekte lânskipfoto's fan it Waad fan Elger Esser (D, 1967) bygelyks. Foar it selde jild hie it Noard-Dútslân of Grinslân wêze kind. De kobben en guozzen op ien

Trotwaer. Jaargang 32 300 fan de foto's fan Frans Jansen (1962) binne ek oeral. En de tryste fakânsjehûskes fan Ine Lamers (1954) binne ek net bysûnder. Je fine se fan Alaska oant Makkum ta en oeral binne se like ûnpersoanlik, deadsk en ferlitten. Behalven it algemiene, moaie plaatsje hearsket op Friesland is... ek de anekdoate, it aardige ferhaaltsje oer boeren of skippers bygelyks. It klinkt miskien hurd mar ik ha de yndruk, dat de measte fotografen op dizze tentoanstelling net fierder kommen binne as de bûtenkant fan Fryslân. Se binne bûtensteanders en bliuwe dat ek. Foar in part leit dat oan it medium fotografy sels. It probleem fan de foto is, dat er in meganyske, ‘foto-gemyske’ ôfdruk fan in stik realiteit is en as betroubere ferslachjouwer fan de wurklikheid jildt. In fotograaf, dy't wat mear wol, moat of de foto manipulearje of de wurklikheid feroarje. Dat lêste is bygelyks it gefal yn de hast nostalgyske foto's fan de Snitser Erik Hesmerg (1951). Hy hat yn syn portretten fan boeren sa mei it ljocht gûchele, dat it stille drama fan syn foto's ôfspat. It liket oft dizze swartwytfoto's oer de delgong fan guon minsken geane, de ûndergong fan in soarte, in berop, en net oer it libben fan dy minsken. Wat ek syn bedoeling wie, tink ik. Foar ‘Omke Jappy’ en de measte oare Friezen stiet Fryslân gelyk oan famylje, de eigen famylje leafst, de kunde, it doarp, de mienskip en de taal, dy't se prate. Net ien fan de eksposanten hat dy taal tocht. Net ien hat beseft - om noch mar ris in sydsprong te meitsjen - dat de wichtichste siden fan de Ljouwerter Krante dy mei de famylje-advertinsjes binne. Wa't dy net (mear) folget bedarret fansels yn 'e perifery. De fotografen ûntsnappe wol oan de besteande bylden fan Fryslân, de ivige klisjees fan wylde-wolken-boppe-brede-wetters, mar se hawwe net yn 'e gaten dat har wurk mear oer harren sels as oer Fryslân seit. Wat ik op dizze tentoanstelling foaral mis binne ideeën, ideeën dy't my in nij sicht biede op 'e wrâld dy't Fryslân hjit. De iennichste en grutte útsûndering op Friesland is... is de Sinees Zhuang Hui (1963). Hy hat neffens de katalogus in wike yn Ljouwert omstrúnd en is doe wer nei Peking gien. Dêr hat er al syn yndrukken op in bulte fage en in nije firtuele wrâld makke, dy't befolke wurdt troch in tsiental reuzen (Friezen?), in oermem (in soarte fan Venus fan Willendorf of in grouwe Mata Hari?) en in Mini Mouse-figuer. It dekor bestiet út foto's fan Ljouwerter monuminten en in strjittekrusing fan buordkarton mei in oanriding dy't neispile is mei Dinky Toy-autoo-tsjes. Je kinne der oan twifelje oft dit Fryslân of in strjitte yn Ljouwert is, mar de ferbylding wurdt geweldich prikele en dêr giet it om.

As ik dit ferhaal nochris trochnim, lêst it as in hiel negative krityk. Sa is it net bedoeld. Ik bin net sa wei fan foto's dy't foaral oer harsels geane. Dat is alles. Friesland is... is op himsels in prachtige tentoanstelling, dy't je net misse meie, want der is gjin inkele garânsje dat soks hjir ea wer komt.

Trotwaer. Jaargang 32 301

Roorda: soms in idylle Piter Terpstra

Tryrater, Roorda; spile troch Romke de Leeuw en Aly Bruinsma. Kafee Rolbrêge, De Tynje. Rezjy: Rob van de Meeberg. Tekst: Bouke Oldenhof. Lêste foarstelling: 22 july 2000 (oer in eventuele reprise moat noch in beslút nommen wurde).

Gerrit Roorda soe him der raar oer fernuvere hawwe as er witten hie dat op de premiêre fan in nei him neamd toanielstik in part fan de Fryske PvdA-top oan syn lippen hingje soe, doe't er oer syn libben en syn kommunistyske idealen fertelde. Syn striid wie nammentlik ek rjochte tsjin de sosjaal-demokrasy, dêr't wy hjoed de dei noch mar in skyn fan sjogge. Mar it stik is net skokkend en it hat soms wol wat fan in idylle. Roorda (1890-1977) hie op De Tynje in timmerbedriuw. Yn it deistich libben waard er yn it doarp ek troch mannich net-partijgenoat wurdearre, mei troch syn krewearjen foar it toaniel. Hy hat tritich jier lid fan de lanlike kommunistyske partij west, dy't er yn de Provinsjale Steaten en de gemeenteried fan Opsterlân fertsjintwurdige. Hy briek yn 1949 mei de partij en waard lieder fan de (ek kommunistyske) Socialistische Unie. Yn de Sovjet-Uny seach Roorda de heilsteat. Yn syn sosjalistysk entûsjasme prate er alles goed wat dêr barde. De troch syn meistrider Piter de Leeuw skerp feroardiele ynfal yn Hongarije yn 1956 koe er rjochtfeardigje en sels de ûnminsklike Stalin, dy't oer hûnderttûzenen liken gie, liet er net falle. Der stie him in rjochtfeardige, klasseleaze wrâld foar eagen en dy soe der allinne komme kinne troch genedeleaze striid.

It freget yn in toanielstik oer in bekende en omstriden politike figuer hiel wat fan in skriuwer om fan de dialooch ôf te sjen. Ik haw yn it skoft fan in Steategearkomste tafallich ris west by in petear tusken Roorda en de anty-revolusjonêr Piter Wybenga (redaksjesjef fan it Frysk Deiblêd). It gie oer de fraach oft Kristus al of net de earste kommunist wie. Ik wol net sizze dat dit debatsje yn in toanielstik passe soe, mar Roorda soe dan yn alle gefallen konfrontearre wêze mei in miening dy't folslein foar sines oer stie en him yn steat stelde der skerp en striidfeardich tsjinyn te gean. De striidfeardigens, dy't Roorda syn hiele libben bepaalde, krijt te min stâl. De man fertelt der wol oer, hy rôlet de fûst as er syn frou fragminten út syn striidbere artikels foarlêst, hy is emosjoneel as er mei har de ‘Ynternasjonale’ sjongt, mar dy mominten binne net foldwaande om de figuer út te byldzjen lykas de âlderen him noch kend hawwe: ta it uterste dreaun, fisionêr, mei in sterk leauwe, dat de Ynternasjonale ienris op ierde hearskje sil en dat it safier net komme kin sûnder grutte minsklike offers. Hoewol der ek ûnder de SDAP-ers, de foaroarlochse sosjaal-demokraten, wol guon wiene dy't him yn syn klassestriid respektearren, skodhollen de measten ferheftich as se him sprekken hearden of syn stikken liezen. As ik my de tiid yn 't sin bring, fernuvert it my suver, dat Roorda no ynienen sà oansprekt dat yn de rige fan 25 foarstellingen (elk foar in publyk fan fyftich man) al gau gjin stoel mear te besetten

Trotwaer. Jaargang 32 302 wie. Mar it stik is, yn de beheining dy't de skriuwer himsels oplein hat, noch nijsgjirrich genôch. Roorda fertelt, meast achter in taffeltsje mei papieren, oer syn libbensgong, syn jonge jierren, syn foaroarlochs ferbliuw yn Amearika, de stakingen en de besettingstiid. Hy krijt de measten gauris by it hert en dat de skriuwer Pytsje, syn frou, yn in byrol pleatst hat jout mooglikheden foar oansprekkende, fynsinnige taferieltsjes. It ferhaal nimt syn tiid. De regisseur jout Roorda de gelegenheid om stil wat om him hinne te sjen, syn gedachten gean te litten, dingen yn him te ferwurkjen. Oandien, mar behearske, fertelt er oer syn earste frou mei wa't er yn Amearika mar in pear moanne troud wie doe't se troch in ûngelok om it libben kaam. Der binne akteurs dy't meinimmend solotoaniel bringe kinne troch stimferoaringen en mimyk en dêrmei net allinne de ferteller mar ek oare figueren sà ta libben bringe dat der tsjinstellingen ûntsteane en spanningen opboud wurde. Oldenhof hat in oare wei keazen. Mei de byrol fan Pytsje ûntsteane gjin kontrasten mar wol in yndruk fan hoe't se altyd neist him stien hat. Se bringt him minsken en foarfallen yn it sin en stjoert dêrmei ek syn ferhaal. Mar wat hjirmei yn it earste part fan it stik nei boppen komt is net altyd like nijsgjirrich. De smoutens en tagedienens nimme in wol wat grut part fan it stik yn. Dat nimt net wei dat Bouke Oldenhof de mooglikheden skepen hat foar in produksje dêr't Romke de Leeuw as Roorda en Aly Bruinsma as Pytsje spylmooglikheden yn benutte. Uterlik is De Leeuw krekt de Roorda dy't my noch skerp foar eagen stiet mar inerlik is er in folle myldere figuer as de troch alles hinne ûnfersetlike kommunist, dy't fan it iene konflikt yn it oare foel. Ik hoopje dat Tryater noch gauris in berop op dizze rasspilers dwaan kin. Aly Bruinsma is in alsidige aktrise, dy't yn har oansprekkende en nuansearre spile rol fan de soarchsume en meilibjende Pytsje sterk oertsjûget. De melodij fan it slotliet ‘Voorwaarts en niet vergeten’ hat my noch in hiel skoft troch de holle spile. It kaam my yn it sin dat ien fan de rigels fan de tekst is: ‘Kom te voorschijn uit je holen.’ Tsja, de tiden feroarje.

Trotwaer. Jaargang 32 303

Orfeo Aqua: kunst voor natuurliefhebbers Hans Brans

Frysk Festival en Tryater, Orfeo Aqua. Muzikale lieding: Hoite Pruiksma. Rezjy: Jos Thie. Mei meiwurking fan Gary Boyce, Claudia Patacca, Ilse van de Kasteelen, Concerto '91 en Capella Frisiae.

De tere klanken van een elegant kamerorkest, het ijle geluid van een countertenor en twee sopranen dat opklinkt bij het gloren van de dageraad, met een scholekster die onverstoorbaar door het koor ‘zingt’ en een bootje dat zachtjes door Orfeus' mooiste aria tuft, al die broze geluiden die de langzaam uit het duister opdoemende aanblik van het weidse Friese land begeleiden - met meren, rietranden, weilanden en loodgrijze luchten -, het kan niet anders of deze uitvoering van Glucks Orfeo ed Euridice moest een indrukwekkende belevenis opleveren. De ruimtelijkheid van het landschap aan de Bombrekken bij Workum en de nachtelijk-matineuze sfeer vormden een natuurlijk, integraal decor voor deze opera. Het schouwspel van bootjes, door het water wadende spelers, en allerlei speciale effecten, zoals een oprijzende zon of Eurydice die uit het water omhoog kwam - al die theatrale elementen markeerden de natuurlijke omgeving, maar lieten haar ook intact. Het was bijna alsof de opera was uitverkoren bij de locatie, in plaats van andersom. Hogere kunst voor natuurliefhebbers. Een ecoopera, zo men wil.

Voor de interpretatie die dirigent en man-van-het-eerste-idee Hoite Pruiksma en regisseur Jos Thie aan Glucks eerste ‘Reform Oper’ gaven, zijn genoeg aanknopingspunten. Kern van die interpretatie is dat de onderwereld waarnaar Orfeus moet afdalen om zijn geliefde Eurydice aan de dood te ontrukken een ‘onderwaterwereld’ is. Alsof Eurydice - bij Gluck nog vóór het begin van het drama - niet door een slangenbeet gestorven is maar door verdrinking. Talloos zijn de verwijzingen in het libretto van Rainier Calzabigi naar kusten en wateren. Zoals de Styx die moet worden overgestoken om de Onderwereld te bereiken en de Lethe, de rivier van de Vergetelheid, die dwars door de Onderwereld loopt en die de gestorven helden van de Elysische Velden scheidt van de wreed gestraften. Water heeft natuurlijk al die metaforische dubbelzinnigheid van bron van leven en van het gevaar om verzwolgen te worden. Door de makers is geprobeerd om aan te sluiten bij Friese mythen die betrekking hebben op ‘verdronken land’ zoals ook de Bombrekken dat sinds de Allerheiligenvloed in 1570 zijn. In de voorstelling is van die oud Friese inspiratiebron niet veel terug te vinden, althans niet veel dat door de toeschouwer makkelijk herkend wordt, maar het zal de makers ongetwijfeld geholpen hebben bij hun interpretatie. Aan het begin van de eerste acte zien we rechts een praam aan een aanlegsteigertje liggen. Het zeildoek onder de giek wordt opgeschoven en het orkest begint te spelen. In een klein, wankel bootje staat Orfeus (Gary Boyce) te treuren in de schemer. Door zijn zwarte huidskleur zien we eerst alleen de mond maar

Trotwaer. Jaargang 32 304 bewegen. Vanuit de verte zien we kleine lichtjes op het water en komt een tweede praam aanvaren met daarop het koor. Het geluid is wennen. Hoewel het bij de première windstil is klinkt de muziek broos en van ver weg, alsof ze uit een doosje komt. Het kost moeite om je over te geven aan dit ijle klankenspel, maar die moeite wordt wel beloond. Ook kost het moeite om naar de zangers te kijken in hun wiebelende bootjes of plonzend in het water en niet te denken: hij stapt toch niet mis, of: zouden ze het niet koud hebben. Dat werkt afstandelijkheid in de hand. Die afstandelijkheid zit ook in de opera zelf. In de trant van het classicisme werd de dramatische handeling door de librettist tot een ‘klassiek’, puristisch minimum terug gebracht. Eurydice is al voor het begin overleden en de opera wordt door slechts drie personages beheerst: de twee titelhelden en Amor. Geen Persefoné, die als koningin van de Onderwereld bezwijkt voor de zoetgevooisde klacht van Orfeus. Geen koning Hades, die aan de dichter toestemming geeft om zijn geliefde mee te nemen, mits hij onderweg niet omkijkt. Die bepaling komt nu van Amor. Zij is het ook die Orfeus er toe aanzet om zijn geliefde uit het Dodenrijk op te halen. Door die cruciale rol van Amor komt het accent meer te liggen op het doorstaan van het verbod om om te kijken, dan op de tocht naar de Onderwereld als proeve van moed en overtuigingskracht. Thematische verschuift de aandacht van de Dood, die zich al of niet in de luren laat leggen, naar de macht van de Liefde. Orfeus zelf wordt hierdoor passiever. Het initiatief gaat steeds uit van Amor, niet van hem. Ondanks zijn klassieke stijl draait het drama helemaal om de verschillende innerlijke gemoedstoestanden die Orfeus doormaakt als hij zijn geliefde vindt, verliest en weer terugkrijgt en niet om de tragische context. Dit alles maakt de opera vrij statisch en ook enigszins koel en afstandelijk, een afstandelijkheid die, zoals gezegd, door de magnifieke setting nog versterkt wordt. Gelukkig brengt vooral de speelse manier waarop Amor door Ilse van de Kasteelen wordt neergezet enige lucht in de zwaarte van het stuk. Maar zoals in iedere opera is het niet zozeer de interactie tussen de spelers, maar de muziek die de emotionele wendingen draagt. Toch moet de toeschouwer de bescheiden handelingen vrij nauwgezet volgen om goed mee te krijgen, wat in de muziek tot uitdrukking wordt gebracht. Alleen als dat lukt blijft de omgeving geen plaatje en zijn de effecten geen technische hoogstandjes, maar worden ze een integraal onderdeel.

Het zwakste punt van deze voorstelling ligt misschien in de wending naar het ‘happy end’. De componist en zijn librettist hebben hier zeker niet alleen een concessie gedaan aan keizer Franz I, wiens huwelijk met de première gevierd werd. Door een zorgvuldige emotionele voorbereiding slaagt Calzabigi erin om het moeilijk te begrijpen verbod een paradoxale betekenis mee te geven. Orfeus slaagt waar hij faalt. Hij faalt omdat hij omkijkt op het moment dat Eurydice dreigt te bezwijken onder zijn vermeende trouweloosheid. Als Amor haar uiteindelijk voor de tweede maal terughaalt uit dood, gebeurt dat omdat juist in Orfeus' falen het ultieme bewijs van zijn liefde gezien moet worden.

Trotwaer. Jaargang 32 Dat is een lastige slag, die door de toeschouwer niet gemakkelijk gemaakt wordt en waar deze uiterst fraaie voorstelling jammer genoeg ook niet erg behulpzaam in is.

Trotwaer. Jaargang 32 305

Trioel Pieter Breuker en de wittenskip

Pieter Breuker hat yn in artikel oer frysk purisme yn de bondel ‘Taaltrots’ fan Nicoline van der Sijs de gelegenhyd te baat nommen om syn ideeën oer dat ûnderwerp nochris útien te setten. Ont safier gjin nijs en gjin probleem. Oars wurdt it as er oan de ein fan syn stik de banflok útsprekt oer Trinus Riemersma en my: wy soene wittenskiplik net doge en psygologysk allikemin. It jout fansels gjin foech dat in taalkundige dy't op him nommen hat om (foar in net ynfierd publyk) in algemien oriëntearjend stik oer in taalkundich ûnderwerp te skriuwen, der in groffe persoanlike oanfal op kollega-taalkundigen oan taheakket. Op dy oanfal fan Breuker sil ik hjir net yngean, mar ik wol it al even ha oer syn wize fan sitearjen út myn publikaasjes. Nei oanlieding fan syn stik yn Us Wurk fan 1994 ha ik dêr yn de LC fan 15 july 1994 al ris oer sein:

Breuker is fan betinken dat inkeld al de samling fan sitaten yn syn stik wiist op in ‘adekwate bewiisfiering’; mar hy rept net fan de easken dy't steld wurde moatte oan seleksje, kontekst en ynterpretaasje fan sokke sitaten.

Yn it boek fan Nicoline van der Sijs hat Breuker it noch bonter makke: hy hat út myn publikaasjes yn ien sin fjouwer neffens him negative karakteristiken fan it nederlânsk gearfette. De kontekst dêrfan is yn gjin fjilden of wegen te bekinnen. Yn syn Trotwaer-stikje hat er de sitaten wat folsleiner werjûn (sa steane se ek yn syn eigen Us-Wurk-artikel), mar dan noch wit de lêzer net yn hokker kontekst ik se sels brûkt ha. Wa't oer taalnoarm skriuwt kin dat bygelyks dwaan om besteande taalferhâldingen te beskriuwen. Dat ha ik dien yn myn artikel ‘The Frisian native speaker between Frisian and Dutch’, dêr't Breuker syn ingelske sitaten út komme. Dêr besykje ik de feitlike sitewaasje sa goed mooglik benei te kommen. Ik neam yn dat ferbân it nederlânsk abstrakter (en machtiger) as it frysk, dêr't de konnotative aspekten (de ‘gefoelswearde’ fan wurden) in gruttere rol spylje. It machtsferskil tusken frysk en nederlânsk ha ik oantsjut mei de term ‘moloch’ foar it folle machtiger (en foar it frysk bedriigjende) nederlânsk. Sokke beskriuwingen fan taal en kontekst binne basearre op waarnimming ‘fan bûten’ en op eigen kennis ‘fan binnen’ fan de taal, in kennis dy't mei beskiedend is foar it ûndersyksobjekt taal. Men kin ek beriddenearje hokker taalnoarm ot jins eigen foarkar hat. Dêr kinne wittenskiplike eleminten yn meispylje, mar sa'n riddenearring is yn prinsipe ideologysk of taalpolityk. As ik yn dat ramt oanstean op it respektearjen fan dialektfoarmen en op it brûken fan ‘gewoane’ taal yn amtlik frysk, dan kin Breuker it mei dy ideologyske kar op ideologyske grûnen al of net iens wêze, mar hy kin der better net mei in wittenskiplik gewear op sjitte. Of it moast wêze dat Breuker net rjocht ûnderskie meitsje kin tusken ideology en wittenskip. Tony Feitsma

Ja, op sa'n foet! (En dan in houten).

Trotwaer. Jaargang 32 ‘Pieter, no hast wer net trochlutsen, der leit al wer in geel poepke yn 't húske!’ ‘Netwier! Mem lycht! Mem wit it wol better! Doe't ik ferline jier by muoike Hiske útfanhûze, haw ik wòl trochlutsen!’

Trotwaer. Jaargang 32 306

Ik ha lygd: Pieter Breuker hat wòl korrekt sitearre en ferwiisd. Hy hat dat nèt dien yn it boekhaadstik dat ik lêzen en kritisearre haw, mar yn in artikel dat er earder skreaun hat en dat as boarne brûkt is by dat boekhaadstik. Mar dat docht der net ta: ienris sitearre is altyd sitearre. De lêzer fan Breuker syn stikken wurdt achte alle artikels dy't er ea skreaun hat út 'e kop te kennen of oars sa iverich te wêzen om al dy stikken troch te sneupen. Is dat in nije wittenskiplike regel of in Breuker-útfynsel? It liket my ta dat as men as wittenskipper serieus nommen wurde wol, men jins bêst dwaan sil om jins tekst sa yn te rjochtsjen dat de lêzer jin daliks en sûnder oerenlang gesneup op hakken en teannen neiride kin. Benammen as men oaren op it harspit nimt. Dizze Breuker-manier fan ‘sitearjen’ ropt op 'en minsten de fertinking op, dat men net neiriden wurde wol, dat de lêzers jin mar op jins wurd leauwe moatte. Foar dy fertinking soe ik my hoedzje, as ik graach foar fol oansjoen wurde woe yn 'e wittenskiplik wrâld. Ik haw Us Wurk dan noch yn 'e kast - net yn 'e holle -, mar dy hollânske lêzers foar wa't dat boekje ornearre is, hawwe dat fansels nèt. Dy reitsje it paad bjuster yn Breuker syn doalhôfsitearringen en dy sille op grûn fan it ferneamde Breuker-gesach wol oannimme moatte dat Feitsma en Riemersma dwylharsensen binne. Ik brûk no mar in oar wurd ynstee fan ‘gek’ en ‘ryp foar de psychiater’. Breuker beweart nammentlik dat er dat net sein hat. Doch net sa lytsbernich! As der stiet fan ‘Psychologen zullen dergelijke kwalificaties (...) misschien in verband brengen met onmacht, woede, vernedering, minderwaardigheidsgevoelens of juist hoogmoed,’ dan is it doel dochs nèt dat de lêzers ûnder de yndruk reitsje fan 'e yntellektuele fermogens en it geastlik lykwicht fan Feitsma en Riemersma. Ik fyn it kloatich om foar de kommunikative strekking fan jins wurden wei te rinnen. Ik bin bliid dat Breuker en ik it deroer iens binne dat de weardefrij ûndersyk net bestiet. Mar dat hâldt yn dat de opposysje wittenskipideology ferfalt. Hoe kin Breuker dy opposysje dan noch brûke as argumint tsjin Feitsma en my? No wit ik fansels noch noait wêr't de wurden stien ha dy't Breuker doalhôfsitearret, hy neamt inkeld de tydskriften Trotwaer en Frysk en Frij. Moat ik no echt al dy jiergongen trochsneupe om myn eigen wurden werom te finen? Ik bin der wier te loai ta. Mar ik ha al wat oars werom fûn, te witten it boek dêr't dy opmerkingen oer de ‘patology fan 'e standerttaal’ yn stanne. It giet om R.A. Hudson, Sociolinguistics, Cambridge: Cambridge University Press 1980. Op s. 34 skriuwt Hudson:

‘The present section on standerd languages is the only part of this book that deals in any detail with the large-scale issues of the sociology of language (see 1.1.3 for the difference between sociolinguistics and the sociology of lauguage), but it has been included for three reasons. Firstly, it is relevant to the discussion of the second meaning of “language” introduced in 2.2.1 (where “language” = “standerd language”). Secondly, it is interesting to see that language can be deliberately manipulated by society. Thirdly, and perhaps most importantly, it brings out the unusual character of standard languages, which are perhaps the least interesting kind of language for anyone interested in the nature of human language (as most linguist are). For instance, one might almost describe standard languages as pathological in their lack of diversity. To see language in its

Trotwaer. Jaargang 32 “natural” state, one must find a variety which is neither a standard language, nor a dialect subordinate to a standard (since these too show pathological fea-

Trotwaer. Jaargang 32 307

tures, notably the difficulty of making judgments in terms of the non-standard dialect without being influenced by the standard one). The irony, of course, is that acadamic linguistics is likely to arise only in a society with a standard language, such as Britain, the United States, or France, and the first language to which linguists pay attention is their own - a standerd one.’ Tr. Riemersma

Graach wat mear dúdlikheid

Ik hie graach wollen dat Koop Scholten eksakt útlein hie wat der mis is mei myn kollumke ‘Ferletterfoldoggers’ (Trotwaer 2000, 105). As ik it goed begryp nimt er it my kwea dat ik temin sitearre ha. Wêrom hie ik mear sitearje moatten? Wie Koop syn útspraak dy't my yn it ferkearde keelsgat skeat dan yn in oar ljocht kommen te stean? Dat sèìt Koop net, hy suggerèàrret it net iens. Wêrom leit Koop net even út wêr't ik yn 'e fout gien bin? ‘Oer ferletbefrediging troch skríúwers ha ik dus net rept,’ skriuwt Koop, en dat slacht yndied op it sintrale part fan myn krityk. Wat skreau Koop krekt yn 'e Noasdrip? ‘Sa'n lêzer wol lêze, boeken sonder yngewikkeldheden, flot ferteld, mei in skepfol spanning, in rûske romantyk en in snúfke - oannimlike - seks. Leafst foar in konkurrearjend pryske. Oan dat ferlet moat foldien wurde.’ Hy sèìt yndied net mei safolle wurden dat dy boeken troch skriuwers skreaun wurde moatte, dat is myn konklúzje, en ik tocht fan net sa'n nuveren ien. Boeken wurde dochs altiten skreaun troch skriuwers? Bedoelt Koop dat dy boeken dêr't it publyk sa'n ferlet fan hat troch hûnen en katten skreaun wurde moatte of hoe sit dat? Koop is net tefreden mei in antwurd yn it âldwivetydskrift Trotwaer, ik moat ek noch in stikje skriuwe - nee, bliksem, ik moat my FERANTWURDZJE - yn it keardelsperioadykje De Noasdrip. It komt deroan. Dêryn dan ek opheldering oer de skelnamme ‘noasdrip’. Tr. Riemersma

Trotwaer. Jaargang 32 308

Meiwurkers

Henk Bok (1951) is húsman, (skips)timmerman, fytsmakker en keukenprins. Wennet (mei ivige tank oan Bennie H.) yn in âld went te Reahûs, mei wille, frou en hûn. Hy skriuwt koarte ferhalen, ûnder mear foar de F-side, Hjir en de Rely (1997). Hans Brans (1951) studeerde na het avondgymnasium wijsbegeerte en theaterwetenschappen. Speelde bij het studententoneel en gaf les aan de Theaterschool. Woont en werkt sinds 1991 in Friesland. Is bij Keunstwurk in dienst als dramaturg voor het amateurtoneel en voor de bevordering van de (Friese) toneelschrijverij. Schreef o.a. artikelen op het gebied van theater, recensies voor de Leeuwarder Courant en enkele toneelstukken. Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as free-lance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. Jitske Kingma (1959) wurke by it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis. Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Resint ferskynden fan him Skepsels fan God (roman), ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger en It wurk fan 'e duvel (roman). Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten redigearjen dêrfan. Piter Terpstra (1919) skreau fjouwer toanielstikken en ien oersetting út it Ingelsk foar Tryater. Syn lêste stik wie (in pear jier ferlyn) Marijke Meu. Hy hat diel útmakke fan de Commissie beoordeling toneelgezelschappen van de Raad voor de Kunst. Toanielkritiken fersoarge er foar Trouw en foar Omrop Fryslân. Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoalje (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by

Trotwaer. Jaargang 32 it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan Quize-Quânsje (1995). Liuwe H. Westra (1966) studearre klassike talen en téolegy yn Grins en wurket tsjintwurdich as domeny yn de doarpen Lollum, Waaksens, Burchwert, Hartwert en Hichtum. Sa goed er wit hat er gjin dichters yn 'e gemeente. Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsjes- en stikjesskriuwen en mei skilderjen.

(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)

Trotwaer. Jaargang 32 309

[Nummer 7]

Dwersreed Jitske Kingma

Mail út Texas

Ik koe him fia e-mail. Yn 't begjin noch rjochte oan de hear Kingma. Oant ik ris skreau: by the way, I'm female. Hy sei dat er dat eins ek wol witte kind hie. Ik hie in opmerking makke oer frijpartijen nei in earste ôfspraakje. In frou fynt soks net fanselssprekkend en in man wol. Fûn hy. It gong oer syn earste roman. Hy fassinearre my fan it earste mailtsje ôf. Hy wie doe noch frij ôfhâldend yn syn taalgebrûk. Hie grif ‘jo’ tsjin my sein as it Ingelsk him net fan dit dilemma ferlost hie. Wy hiene it benammen oer syn haadpersoanen. Wêrom't se wiene sa't se wiene, wat hy se meijaan woe en wat dêr fan telâne kaam. Dat rûntsjemealle ta ús beider nocht hinne en wer fan Austin, Texas, nei Ljouwert. Hy mailde my faak alle nachten. Nei dat earste manuskript kamen der noch twa. Ik fûn dat er allemachtich spannende frijpartijen beskreau. Soms wie er lilk op my. Dan hie ik him net goed begrepen. No hie 'k myn wurdboek ek in skoft kwyt west. En dan naam ik it mei formulearjen net sa nau. Hy fûn dat in slop ekskús en skreau der in koart ferhaal oer: ‘Jitske the first and the lost Prisma’. Ik fûn him ferskriklik lollich en de sinnen dêr't er mei ôfsleat wiene prachtich. Altyd orizjineel en faak heal yn it Nederlânsk, want syn seemansbestean hie him meartalich makke. Mar ik fergeat dan wol ris, dat er de essinsje miskien net hielendal fetsje koe. Sa skreau ik ris: ‘Je uitsmijters zijn ongeëvenaard.’ Hy tocht dat ik bedoelde dat er net doogde. Poerlilk frege er my: ‘Is jouw worst dan wel geworteld?’ In wike letter realisearre ik my, dat er sûnt dy tiid net mear mailde. Doe ha 'k it mar wer goed makke. Wy fantasearren der wolris oer oft wy inoar treffe soene. Soe ik foar myn wurk net ris nei Amearika moatte? En op in dei mailde er: ‘Are you coming to the Verontreinigde Staten or what?’ Mar it like der net op dat myn oanwêzigens yn Amearika yn it belang fan de saak nedich wêze soe. In pear wike letter skreau er, dat er nei Nederlân komme soe. De wyks dêrnei. En oft my dat paste. Ik skrok my rot en waard flink senuweftich. ‘Fansels kinst komme’, mailde ik, hoopjend dat er net trije wiken lang alle dagen mei my wekker wurde woe. In fol fluchtskema joech my eefkes in wykje om der oan te wennen. Wat soe 'k dwaan. Ophelje? Is dat net wat te útwrydsk foar in skriuwkontakt? Ofstân ynbouwe? Drokte opfiere? Der binne safolle redenen om te rjochtfeardigjen dat je net yn it libben happe, al glânzet it je yn 'e mjitte. Ach, tocht ik, 't is Himelfeartsdei, ik gean nei Skiphol. Hy hie my twa foto's stjoerd en ik herkende him fuort oan syn ‘gloomy look’. En hy wie noch lolliger as yn syn e-mails. Ik haw trije prachtige wiken mei him hân. Ofstân hoegde ik net te hâlden. Hy doarde my net oan te reitsjen. En hy hie der muoite mei, efterop myn fyts te springen as ik him troch Grins trape. Ik slingere

Trotwaer. Jaargang 32 ferskriklik en hy woe my net beetpakke. Hy bleau ek wolris stean as ik wer fierder gong. Of sprong der net op 'e tiid ôf. Sa leine wy no en dan te spinfuotsjen op it asfalt. De triennen rôlen my dan oer de wangen sadat de helpfeardigen soms in dokter skilje woene. Ik fertelde him oer de grutte Friezereuny

Trotwaer. Jaargang 32 310 dy't gau begjinne soe. Hy hie op Skiphol de earste kij al sjoen. En letter kaam er se oeral tsjin. Ik lei him út dat in protte minsken herten yn de foarm fan in pompebledsje hiene. En dat dizze simmer in hiel soad minsken weromgongen nei har bertegrûn. Dat se earegasten wiene en even allegear deselde taal sprutsen. ‘Krekt as wy’, sei er. Ik haw fantastyske petearen mei him hân oer mooglikheden en diminsjes fan it skriuwersskip. En dêrmei rekken wy elkoar mear oan as mei ûnhandige hannen dy't it roer rjocht hâlden yn grôtfol Grins. Myn simmer begûn mei immen dy't fan fier kaam en even deselde hertslach hie. En neffens my hiene in protte minsken dizze Simmer sa'n selde gefoel.

Simmer 2000: in feestje foar ússels? (1)

It is ien grutte leafdesferklearring oan Fryslân fan de minsken dy't hjir wenje. Se litte sjen hoe't se har ferbûn fiele mei en grutsk binne op it heitelân. Simmer 2000 rekket de siele fan it Fryske doarp. Dat fyn ik moai, dat minsken soks ek dúdlik útsprekke. Bouke Oldenhof yn de Ljouwerter Krante fan 24 juny 2000.

Jim fiele My

Jawisse, ik sjoch yn 'e spegel en ik wurd waarm. It rea giet my op en del, it swit brekt my út en ik wurd wiet op 'e klink. Ik kin it langer net ûntkenne: ik hâld fan mysels en ik hâld derfan dat oaren fan my hâlde. Wêrom keapje ik djoere klean, wêrom sit ik oeren foar de spegel en tutsje mysels op mei linten en flinten, wêrom feroarje ik foar de gelegenheid yn keunst, yn skilderij en muzyk, yn festival en iepenloftspul, wêrom noegje ik frjemd en bekend by my út? Ik wol de skynwerpers op my rjochtsje en wille ha fan mysels en ik wol dat oaren wille ha fan my. Oeral moat it feest wêze. Ik wol mysels ferhearlikje. Byneed rin ik fan gekkichheid in maraton en praat mei keninginnen op it Saailân. Ik weagje troch de eter en folje de televyzjeskermen, want ik wol besjoen wurde, ik wol dat jim nei my sjogge en fan my hâlde. Jim prate net mei-inoar, jim prate net oer my, jim prate My. Jim fiele net de grûn as jim de wiete Slachte berinne, jim fiele my. Eric Hoekstra

Trotwaer. Jaargang 32 311

Baukje Wytsma Stil

Frâns Holwerda ta oantinken

Foar dy gong ik te fytsen lâns de Swette, myn kadâns, 'k woe mei dyn eagen sjen. De sinne glânzge op it weagjend reid, in fisker joech him del en smiet syn angel út en it wie stil, wol sa benearjend stil.

'k Stjoer dy dat iene kealtsje by de wâl dat, wat ûnwis, syn earste greppel naam, de iensume reager dy't him mar amper ferwege doarst, in tjirgjend merkelpear. En tsjerketuorren, acht wol, dy't ik seach oer fierste griene greiden. Mar net dy frjemde meander by de sleat, ommers gjin seine wurdt hjir wer strikele sûnder dy.

Trotwaer. Jaargang 32 312

Simmer 2000: in feestje foar ússels? (2)

Cultuurproducent

Halverwege Simmer 2000. ‘Onschuldige romantiek’, legt Gryt van Duinen uit bij de televisiereportage van de NOS op de dag van de Slachtemarathon. ‘Het is geen nationalisme wat ons drijft. Maar we zijn trots op provincie, op onze taal en op onze eigenheid’, schrijft Henk Kroes in het ‘Weekdagboek’ van NRC Handelsblad op diezelfde dag. Slot Simmer 2000. In een afgeladen Leeuwarder FEC - de thuishal van de Elfstedentocht - verklaart Ed Nijpels, in zijn eerste speech volledig in het Fries, dat het provinciaal bestuur ‘grutsk’ is op de organisatie van Simmer 2000 en dat Fryslân zich in de afgelopen drie weken op een geweldige manier aan Nederland heeft gepresenteerd. Mooie illustraties van Fries zelfbeeld en bewaking van imago anno 2000 bij deze dragers van de manifestatie: geen Fryske bewegers pur sang, beschaafd chauvinisme, gevoelig voor het oordeel van ‘Nederland’. Simmer 2000 was gebaseerd op een ijzersterke formule: het onthalen van emigranten waarmee velen hier op een of andere manier een band hebben, al was het maar omdat die emigranten deel uitmaken van ons collectieve geheugen (‘de jaren vijftig’ en het met de landverhuizing onlosmakelijk verbonden ‘verdriet van Friesland’). Simmer 2000 fungeerde als één groot cultureel netwerk van dorpse, stedelijke, provinciale organisaties, met de LC en Omrop Fryslân als huisorganen, bedrijven en banken als sponsoren en de provinciale overheid als vliegende keeper. Simmer 2000 presenteerde zich met de slogan ‘Wy dogge mei’. Door een enorm gevarieerd aanbod van cultuur met hoge en lage C, van het oude en het nieuwe Fryslân verpakt in reünies, massale sportbeoefening of muziekspektakel, kon een grote massa van deelnemers en toeschouwers in de provincie zelf gemobiliseerd worden: ‘Ik doch ek mei.’ Het aardige, zo men wil ‘het succes’, van Simmer 2000 is dat de manifestatie zelf gestalte gaf aan een hedendaagse collectieve Friese identiteit. Die identiteit kan in onze tijd niet alleen meer gevonden worden in taal, landschap of verleden, maar duikt juist ook op in individuele keuzes en identificaties bij taalgebruik, woongedrag en cultuurconsumptie. Simmer 2000 trad eigenlijk op als cultuurproducent en zij die eraan meededen gaven daarmee te kennen zich in het Fryslân van 2000 thuis te voelen. Bekend is dat identificatie evenzeer betrekking heeft op fictieve als op reële zaken. De ‘mienskip’ van alle thans levende Friezen, ja zelfs die van een enkel Fries dorp, is grotendeels een ‘imagined community’. Zo lang het daarbij horende wij-gevoel niet aangewend wordt om Fryslân al te uniek te verklaren en de wereld er buiten onnodig te weren, kunnen we nu weer, ver‘fryskt’ en wel, ‘oan 't wurk’. Yme Kuiper

U boft als U van Fries houdt

Regelmatig tref ik mensen die een geweldige extern-promotionele waarde toekennen aan Simmer 2000. Dat is een betrekkelijk misverstand. Simmer was een verschrikkelijk prachtig festijn voor iedereen die vóór Simmer al iets met Friesland had: Friezen, in

Trotwaer. Jaargang 32 Friesland woonachtigen, emigranten, nazaten, Sudeten-Friezen en sabeare-Friezen. Hartverwarmende

Trotwaer. Jaargang 32 313 zelfbevestiging kortom. En wat goodwill door smakelijke stemmingsverhalen in de landelijke media -niet zelden ingestoken overigens door undercover-Friezen op de diverse redacties - met als strekking ‘toch wel een gek volkje, die Friezen’. Maar wervend? Nee. Dat is niet zo gek: als ik rondreisde in de Meierij, de Kempen of de Peel en er heerste een festival-met-reunie-karakter waarin middels allerlei evenementen landschap, tradities, folklore, litteratuur, godsdienst-sociologische en politieke geschiedenis van Brabant een paar weken op een aanstekelijke manier centraal zou staan, zou ik waarschijnlijk een blokje om gaan of een en ander afstandelijk gadeslaan. Niet omdat het niet boeiend zou zijn: reken maar dat het land van Anton Coolen, Anton van Duinkerken en Anton Philips, van bisschop Bekkers en de Slag bij Lekkerbeetje prachtige mythen, mystiek, intieme landschappen, uitbundige partijen en warme kolder kan opleveren. Maar ik zou het gevoel hebben dat de Brabanders even hun eigen feestje hadden. Ik zou het interessant vinden, er een hoop van opsteken, ontdekken dat er allerlei zaken, personen en cultuurschatten ‘Brabants’ blijken te zijn waarvan ik dat niet wist, ik zou mijn waardering misschien bijstellen - maar ik zou wel beseffen dat ik er geen deel van uitmaakte. Met het beklemtonen van het typisch Brabantse neemt de exclusiviteit toe en daarmee het gevoel dat ik daar niet bij hoor. Ik zou niet de neiging krijgen me er te vestigen. Met Friesland is dat niet anders. Alleen: daar hoef ik me niet te vestigen. Ik woon er lekker al! Siebold Hartkamp

In ferdield hert

Simmer 2000 kaam foar mij wat te betiid. Krapoan oardel jier lyn binne myn man en ik op it fleantúch stapt en ôfset nei Kanada. En dan no al werom! Ik fiel my as ien dy't krekt slagge is foar it eksamen en dan te hearren krijt dat de skoalle in reuny hâldt. Moat ik dêr hinne? Ik haw net sa'n akút langstme dat ik werom wol foar Simmer 2000. Dan is it safier. Twa fleantugen fol Frysk Kanadezen binne ôfset nei it âlde heitelân. Ik sneup wat op it ynternet, op 'e siik nei nijs: tuzenen rinne mei yn de Slachtemaraton, Kanadees fynt famke fan earste tút, Wyns makket brêge fan molkeflessen. Freonen út Fryslân emaile. Hoe bysûnder dat Simmer 2000 wol net is. ‘Ik hie de triennen yn 'e eagen bij de iepeningsseremoanje’, skriuwt ien. Dêr sitte je dan yn it fiere Kanada. En dan krije je lêst fan dy typyske emigrantekwaal: in ferdield hert. De iene helte heart ta oan it nije lân, mar it âlde heitelân bliuwt lûkt noch. ‘It tugs at your heartstrings’, sizze se hjir. Ik bin noch mar krekt emigrearre, myn hert is noch foar in hiel grut part Frysk. Der wurdt no goed oan lutsen. Simmer 2000 is ien grutte leafdesferklearring oan Fryslân. Mar dy leafde komt net allinnich fan de Friezen dy't yn Fryslân wenje. Dy leafde komt fan alle Friezen, wêr't se op dizze wrâld ek binne. Je kinne de Fries út Fryslân helje, mar Fryslân net út de Fries.

Trotwaer. Jaargang 32 Klazina Hofstee

Trotwaer. Jaargang 32 314

Hoog kunstgenot Een Vlaamse impressie van Simmer 2000 Johan Gezels

Het eerste wat ik in mijn uithoek van Vlaanderen over Simmer 2000 te zien kreeg, was een reportage over de voorbereiding van Orfeo Aqua op het Nederlandse journaal. Ik dacht: daar gaan de Friezen weer, ze moeten weer zo nodig muziek maken tussen de koeien. Het wordt stilaan een gewoonte in de streek. Vorig jaar werd Peer Gynt overgeplaatst naar het strand van Skylge. En nu krijgen we Glück in het ondiepe water van de Bombrekken bij Oudega. Of de Friezen iets speciaals hebben met opera weet ik niet, maar ik ben tijdens mijn bezoek deze zomer wel op een document gevallen, waaruit blijkt dat men hier ook in veel beroerder tijden met die dingen bezig is geweest. Op de zolder van het ‘Komelkershúske’ in Oosterend vond ik een bladzijde uit een lokale krant van 10 december 1941. Daarin meldt de journalist dat er op ‘donderdag 4 dec. namens de Vereeniging “Dorpsbelangen” de WelEd. Heer A. Alt uit Bolsward met een lezing is opgetreden over de opera Willem Tell’. Hij zegt er nergens bij wie de componist van die opera wel mag zijn. Hij gaat er gewoon van uit dat iedereen in het landelijke Friesland het oeuvre van Rossini kent. We vernemen verder nog dat ‘de fraaie Ned. Herv. dorpskerk [van Oosterend] met heel wat belangstellenden was gevuld’. De avond verliep als volgt:

Op boeiende wijze bepaalde de geachte spreker zijn gehoor bij 't heroïsche in dezen Zwitserschen vrijheidsstrijd, de groote, nog immer nationale held Willem Tell, ons in zijn roemrijke optreden op bijzondere wijze aantoonde. De electrische gramofoon [sic] vertolkte af en toe enkele muzikale flitsen uit deze beroemde opera, terwijl de projectie-lantaarn het gesproken woord in het aanschouwelijk beeld op het doek ging verlevendigen. Geen wonder dat deze avond, voor degenen die haar naar haar juiste waarde mochten schatten, de beteekenis naar haar juiste strekking vattend, het als een avond van hoog kunstgenot bevonden.

Toen ik dit prachtig relaas had gelezen (en snel overgeschreven) vroeg ik mij af waarom de mensen van ten lande zulk ‘hoog kunstgenot’ vonden in de barre oorlogswinter van 1941 en in de doorregende zomer van 2000 uitgerekend in de opera's van Rossini en Glück? Misschien ligt het in de onwaarschijnlijke combinatie van Italiaans of Italianiserend muziektheater en de Friese landelijkheid. Opera wordt doorgaans in een vergulde lijst geplaatst in oververwarmde stadstheaters. De Friezen hangen het in een groene lijst van gras met een streepje water er omheen. Ze gaan hier zonder complexen om met kunst. En kom mij niet vertellen dat ze dat doen om hun ooms en tantes uit Australië of Canada plezier te doen. Ze doen het gewoon om zichzelf te plezieren.

Trotwaer. Jaargang 32 315

Fine wy dit noch aardich? Hannah Ludwig

Myn man en ik binne sentimintele gekken. En Simmer 2000 wie íén grutte oanfal op de trienbuizen. Tsjerkje fan De Kliuw werom nei har kafee? Janke!! Safolle tûzen bananen útparte by de Nije Kromme? Jammerje!! Ek fan wille hear, want allinne gekke Friezen betinke soks. Iepening mei folksliet op it Saailân? Snotterje!!! Immen, dy't syn earste leafde werom fynt? Simmertime yn Frjentsjer? Men kin it sa raar net betinke of wy hawwe eltse dei wol in kear grynd dy wiken. Tjitte hat sels in faks nei Gryt van Duinen stjoerd mei allinne de tekst: ‘Kike, wat dochst my oan?!’ No ja, men moast de dingen in bytsje oerdriuwe, sokke dagen.

Oardel moanne earder siet ik yn it doarpke Heilbron yn Dútslân foar dûmny Gerryt de Haan oer. Hy hie in pear oere derfoar ús muoikesizzer troud yn it Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en it Frysk. It wie in tige meartalich selskip. De dûmny wennet yn Switser- mar syn hert yn it Heitelân. Neist him sieten in pear Grinslanners oan it diner en it petear kaam al gau op Simmer 2000. Sy diene wat leechlizzend, mar ja, it wie in tige beskaafd selskip, dus hâlden se harren al gau wat yn en fregen tige fatsoenlik wat dêr no sa typysk Frysk oan wie. Ja, doe hiene sy it noch net ret. It gemoed wie ús earst al wat folsketten fan lilkens oer it ûnbegryp en no koene ús de triennen wier út de eagen spatte. We tommelen hast oer mekoar hinne, mei gjalpen as: ‘Soks kin allinne yn Fryslân. Súd-Hollanners bygelyks, fiele har gjin Súd-Hollanners, mar Rotterdammers of Hagenezen. Friezen binne Friezen tanksij it lytsskalige, tanksij de taal.’ Myn man hat it mier oan sokke ferhalen en hâldt him dan meastentiids stil. En ik tink dat dûmny en ik allinne oer de grinzen sa fûleindich Frysk binne yn wurd en gebearte, benammen by minsken dy't gjin sprút gefoel foar soks hawwe. Se moasten it op it lêst wol ôflizze tsjin dit ferbaal geweld. Soks kin yndie allinne yn Fryslân, se koene der net mear ûnderút.

Friezen binne fansels ek in kreatyf folkje. It tilt hjir op fan dichters en fan toanielspilers, hûnderten toanielspilers, en dy wolle oeral en manmachtich in poadium bestoarmje. En as it dan Simmer 2000 wurdt tinkt elts doarp oan in iepenloftspul en guon doarpen skypje harsels der ek noch mei op! En al dy iepenloftspullen moat ik hinne. Foar Omrop Fryslân. No ja, moatte? It is fansels wurk. En dat wurk mei ik graach dwaan, mar dit jier wie it allegear in bytsje tè. Nei elts iepenloftseizoen hawwe Tjitte en ik in houten kont fan dy net bekessene rotbankjes en in droech kuchje fan it sigen en de kjeld en dan tinke wy: ‘Fine wy dit noch aardich?’ En elts jier is it andert wer itselde: ‘Jawol hear!’ Nei dizze Simmer 2000 binne wy der lykwols net sa wis mear fan. We ha se net iens allegear sjoen, mar it wie genôch, mear as genôch. Men is op it lêst kritikus. Mar men wit ek dat hûnderten minsken moannen en moannen arbeide hawwe oan iepenloftspullen dy't klinke en daverje moatte.

Trotwaer. Jaargang 32 Nim no Wêrom, werom? yn Wurdum. Tsjongejonge, wat davere dat! Soms klepperen jin de earen. Krekt as alle iepenloftspullen duorre it

Trotwaer. Jaargang 32 316 stik fansels fierstente lang en dan sit men nachts om twa oere noch te skriuwen en men tinkt: ‘Se hawwe sà har bêst dien, hoe sil ik myn krityk op in freonlike wize ferpakke?’ Ik leau dat soks wol in bytsje slagge is. Earlik sein hawwe Tjitte en ik hast gûld mei de wurden: ‘Wêrom, wêrom, werom??’ Mar dat hat lokkigernôch net ien heard. Soms skriemt men hast fan it gnizen. Bygelyks dy kear doe't yn Wynjewâld Thúsreize yn premjêre gie. It stik waard spile op in souderskûte mei dêr efter - yn de haadrol - dat prachtige frachtskip Tsjerk Hiddes. Oan de oare kant fan de feart sieten twa minsken yn harren túntsje op har eigen noflike stuollen, méí kessens - jim fernimme de jaloezy - en in flesse jenever op it tafeltsje, te sjen nei de efterkant fan it stik. Doe't it Frysk folksliet songen waard, stiene dy twa ek heechoppich mei te sjongen. Fan soks wurdt in minske allinne mar fleuriger. Spitigernôch is it net allegearre jûchhei en hosannah. Want no bin ik lilk. Pûrrazende lilk. Ik moat it oer Spangea ha. Spangea leit yn Fryslân. Eartiids bestie Spangea net, mar no neame se dêr harsels it Verona fan . Dat mei om my, want Spangea is ‘op de kaart setten’ troch dy opera's. Net omdat it allegear sa prachtich klinkt - dêr is de akoestyk yn in iepen tinte te wankelmoedich foar -, mar om dat unike barren. It útsjoch op de greiden, de prachtige rezjy dy't dy greiden ta meispyljend dekor makket. Soks hat wier provinsjale subsydzje fertsjinne, en dus ek krigen. Net foar ien jier, mar foar in gâns langer tiidrek. En wat is der no bard? Blauwbaards burcht waard spile yn in tichte tinte. Mei twa sjongers, en sûnder koar. Hawar. Soks mei hinnebruie. Dizze opera is mear as de muoite wurdich. Dêr bin ik dan ek net lilk om, mar wol om de wurden fan de regisseur en betinkster fan dizze Spangeaster happening, foar Omrop Fryslân. Want wat sei Corina van Eyk? ‘Nou ja, Orfeo zou ik nooit zo doen.’ Dan tink ik: ‘Nee, wis net, sy net. Mar Jos Thie lokkigernôch wol.’ En dan wyn ik my in bytsje op. Foar tûzenen minsken wie Orfeo Aqua ommers ien fan de hichtepunten fan it Frysk Festival en Simmer 2000. Mar it wie noch net genôch. De grutste klap moast noch komme: ‘Ach, Spanga is eigenlijk geen Friesland.’ Sjoch, dan komme my de triennen yn de eagen. En se spatte der wier út, as ik ek noch fernim dat it Frysk Festival de reden wêze soe fan it tsjinfallen fan de kaartferkeap foar Blauwbaards burcht. ‘Eigen schuld, dikke bult’ raas ik dan yn it Hollânsk en dan bin ik earst wier lilk. Want de opera fan Spangea wie gewoan earder út ein set as ornaris. Dêrnei moast it ommers haljetrawalje nei Amsterdam, nei it simmerteaterfestival De Parade. De tichte tinte yn Spangea wie dus in soarte fan repetysjeromte. Corina van Eyk longeret gewoan op in hegere subsydzje fan it Ryk. Wol mei help fan de Provinsje Fryslân, fansels. Friezen knibbelje allinne foar God. Dyjinge dy't dêr neat fan begrypt, knibbelet gewoan foar Rick van der Ploeg.

(Justjes oanpaste tekst fan in kollum, op 19 july brocht yn it Simmerkafee yn de Ljouwerter Harmonie.)

Trotwaer. Jaargang 32 317

Yn it spoar fan Robert Burns

Robert Burns (1759-1796), Skotlâns meast ferneamde dichter, waard berne op 25 jannewaris. Om dy tiid hinne wurde yn hiel Skotlân, Ingelân, Australië en rûnom yn 'e wrâld ‘Burns memorial days’ holden. Tidens de ‘Burns suppers’ wurdt der foardroegen, iten, dronken, speeched, songen en musisearre. Bij ús witten ha wij sa'n evenemint net yn ús lân.

Op útnoeging giene Tine Bethlehem, Tsead Bruinja en Albertina Soepboer ein jannewaris 2000 nei Newcastle upon Tyne foar in dichtersmoeting. Op eigen gelegenheid reizgen hja troch Skotlân. Giene mei harren trijen û.o. nei Dumfries en Ellisland oan de rivier de Nith, plakken dêr't Burns wenne en buorke hat. Dat ynspirearre har ta de hjir folgjende fersen.

Tsead Bruinja lêst syn fers ‘leave nimmen wit...’ foar de Lord Mayor fan Newcastle, de organisator fan de dichtersmoeting, Albertina Soepboer en Tine Bethlehem.

Trotwaer. Jaargang 32 318

Tine Bethlehem

Thúskomme yn it lânskip

Wetter knettert lâns de triedden fan 't elektrysk dy't fan mêst nei mêst bôgje.

Hoe fyn en licht is dit lânskip beheind ta pinsiele, skiere ienfâld

inkeld lân, wetter, damp; mei kontoer fan hikke, mêst, beam. De kleur fan reid wurdt samar wei yn 't foarbijgean

de kym lit 'm riede, jout bij 't neierkommen netbesteande boerepleatsen priis dy't as fata's wer ferdwine yn 'e dize

de dyk bochtet omheech yn dit rare mearkelân aanst ryd ik streekrjocht mei myn fyts de himel yn.

Dyk, boaiem, berm, kompas, hâldfêst. Sulverwyt hingje wylgeknoppen yn 'e beammen as ljochtsjes op myn wei nei hûs.

Skulp

Tusken it basalt rûgele bin ik ta skulp wurden; de dagen fan droechte binne foarbij, de grauwe stiennen glânzgje wiet

oanienwei stjoert de reintam-tam berjochten nei de see roffels, rûzjen, streamen, tikjen en gekletter. Ik slút myn skalen

lis myn sear, in sânkerl te fûnling yn myn oesterhert lit los en driuw op goed gelok lâns kusten fan frjemd lân.

Trotwaer. Jaargang 32 319

Tsead Bruinja

leave nimmen wit hoe't wy yn eardere libbens inoar foarby ronnen of de bus misten dêr't ien fan ús beiden yn siet of do myn suster ús mem yn wiest en it tusken ús neat wurde mocht om't

der te folle jierren of in leauwe tusken ús dreaun sa plastysk as in kontinint sil de ôfstân wol ris west ha ik wie miskien drok dwaande mei it útfinen fan fjoer wylst do en dyn frijer

oare kant de oseaan de kearsen oanstutsen hâld ik dy al wer te stiif fêst ik wol dy net fynknipe mar ik bin bang en bliid tagelyk dat

der noait mear tusken ús wêze sil as dit hielal dêr't wy net byinoar yn komme kinne omdat it te lyts is foar it fertriet fan twa dy't ien wurde

leave lit tiid ús fan inoar ôf skuorre at wy ien foar ien deageane wy slaan werom mei brêgen fan wurden

Trotwaer. Jaargang 32 320

Albertina Soepboer Hotel History In poëzijtaalskiednis tusken Grins-Glasgow-Newcastle-Grins

Morrigan

She came to me, masked in dreams when I was trying to drown my self in the neonlight of freshly made heavens.

The cart and her body were covered with old layers of muddy wasteland. I coughed up earth herself when I woke up that morning. The fog was still there. My hands trembled like an archaeologist wandering in ancient burial chambers.

The rattling of bones filled my ears. New flesh started growing rapidly and around her eyes the faint blue circling winding coiling was coming on again. An enormous mouth breathed foul air, deep lust for battlefields and males and all kinds of death and sorrow.

When she looked at me, I recognized my own face in hers. For a long time I had been feeding on her grounds. The grass tasted like salty seaweeds. Our skin felt like old manuscripts, the lies made it crumble to pieces.

Trotwaer. Jaargang 32 321

I was slowly discovering new storylines. Once she wore the face of a light owl, living on the silver branches of a fir. Nobody could deceive her night eyes. She was the driver of pitch-black horses, the earth roared when they passed on their way to restore the old ways.

And I felt her healing hands, dripping with white ink on blue sheets of paper. It opened what had been hidden till now.

She comes to me, unmasked in sunlight.

Blanche-Neige

Wie se sa, Sniewytsje, sa tin, de eagen wiidticht, swarte klean oan, frissels as wie se seis jier, petit Frânsk pratend en tagelyk net sjen, net witte dat de wrâld rûn draait as it reint en wer reint en ik de fiters fan 'e berchskuon losmeitsje de wollen trui útdoch en Sniewytsje my begluorket as in lyts fûgeltsje dat omhipt by in stikje bôle, skrilheech laket yn bêd.

Se docht de doar fan 'e douche iepen en ik skrobje sân blabze see tiid stien fan it liif ôf no bin ik it dy't laket, djip leech yn 'e keel en Sniewytsje wachtet oan 'e oare kant hear ik har noaske drippen, har eagen blieden, har mûle fallen en wy moetsje inoar by it fjoer.

Ik meitsje tee, bak de aaien mei spek at se omrint yn 'e linen fan it mearke dat gjin begjin hat as de bekende ein har snaffeltsje haffelt yn it ieten om en stadich weve de libbens yninoar, myn toan wurdt harres en wy blaze de mûle leech boppe de grutte koppen mei tee.

Trotwaer. Jaargang 32 322

Fingers mei spekfet fertelle it ferhaal fan ierdmantsjes dy't ivich om goud sochten, de grutte prins dy't net kaam de hûnger dy't mei de dei grutter waard en de bonken longerje liet en no raant it fel fuort sjocht my oan iepen eagen wylst fjoer har skaad fûlskerp dûnsje lit en de nacht no sil sûnder dreamen wêze.

Yn the Museum of Antiquities

In readgele ring is it. Bead of red opaque with yellow spiral pattern. Oer it stiennen paad springe kleauwen iepen, sjoch ik dy stean yn it tsjuster drukst my tsjin de wâl skuor ik de skiere pij wer fan dyn hûd wei oant it bist tosken sjen lit en wy weiwurde yn it sirkeljen dat wy tiid neamd hawwe.

It plak is noch bekend. Found at the top of Dog Leap Stairs, between Keep and Black Gate. Wy hienen it helle, do stiest boppe oan 'e trep, gjin azem mear oer en mar dan ús rappe draven oer de treden foarby de poarten fan dizze wrâld, fierder fuort as de swarte hannen dy't ús werom skuorden de tiid yn, nei God en de hellehûn.

Se hawwe de ring datearre. 7 c. AD. Newcastle upon Tyne. Doe wisten wy al dat in siel wjukken hat. Spanwiidte metten wy net. Wy setten ôf, fleagen de hichten yn om del te stoarten mei stjerrend fleis altyd kletterjende tiid bonken dea en dan inkeld noch de rivier, streamend, dit meinimmend.

Trotwaer. Jaargang 32 323

Hoop doet Leven, myn? nijste boek Klaas Jansma

‘Bêrnejirren en oude herrineringen’. Dy titel stiet op it earste blêd fan 'e 126 dy't Piter Brouwer fan De Wylgen skreaun hat. En dan, as in mitrailleur: ‘Om te begjinnen wij wienen mij ûs fijftjinnen fan Brûrs en Zusters, der wienen Acht jongens, en sân fâmkes. Dat wie Jan Evert Pieter Lammert Willem Ealze Tjitte en Teake. En dan wienen der sân famkes, Aaltje Hindrikje Gels Akke Willemke Jikke en Mine.’ De oantekens einigje mei in opdracht: ‘as jimme dit lezzen ha, soe ik graach wolle dat ut bewarre bliuwt four de nij besteanden dan kenne die der ik noch us ijn om sneupe. / janiwarie 1981 / P. Brouwer De Wijlgen / De Heawei 44.’

Piter, yn 1904 op it skip ‘Jonge Jan’ yn Koatstertille berne en 25 desimber 1985 yn in hus op 'e Wylgen stoarn, wie skipper en baggelder, turfmakker en molkfarder, fisker en hurdrider. Hy wie de âldere broer fan de skûtsjeskippers Willem, Tjitte en Teake Brouwer en in sweager fan Ulbe Zwaga. Sels wie er nei syn seisenfyftichste fokkenist by Syp van Terwisga, broer Teake en stie er by Sytse Hobma achterop. Neffens kenners wie er like tûk as Tjitte, ien fan 'e alderbêsten yn 'e hurdsilerij fan nei de oarloch. Syn heit Lammert kaam út in âld Koatemer skipperslaach: yn 1809 sonk al in Lammert Lammerts Brouwer mei de tsjalk by de Dútske eilannen. Piter syn mem, Jikke, wie in Dam. Hja wie in beppe- en in omkesizzer fan twa fan 'e trije stakingslieders fan Beets yn 1890: Evert Jans Dam en Jouke Bonnes Posma. Dat der siet wol ferhaal oan 'e famylje. Piter syn oantekens foelen my troch bemiddeling fan âld-SKS-foarsitter Alex Brinksma op in gaadlik momint ta. Ik wie, juny 1999, net tefreden mei myn romankonsept ‘De dowen fan 'e Geast’. Krekt dy snuorje siet ik as ‘adviseur’ by it Earnewâldster skûtsjemuseum, dêr't it aardich rommele. In healjier earder wie ik tafallich al mei de famylje Brouwer yn 'e kunde kommen. Buorman dûmny Teije Osinga wie yn syn ûndersyk nei de skiednis fan 'e evangelisaasjes yn Fryslân op 'e âldste broer fan Piter stjitten, Jan Lammerts Brouwer. Dy bepreke as jongeman fan 21 al op 'e Puntpeal by de Grinzer Pein it earme folk út namme fan rjochtse Oerterper herfoarmen. In pear jier letter striek er yn Bantegea, it doarp fan myn bernejierren, by de Frije Evangelysken del. It like bestjoer dat nei Jan no Piter my taskikt waard. De wearde fan syn oantekens lei foar my earst net yn taal of styl, mar yn har histoaryske seldsumens. Der binne mar in pear fan sokke ego-dokuminten út 'e Fryske skipperij oerlevere. Tjipke Postma fan Feanwâlden hat yn 'e jierren tritich in mannichte artikels publisearre yn It Heitelân, foar it grutste part dokumintêr-beskriuwend. Dick Eisma en Marie Christine van der Sman besoargen yn 1988 de oantekens fan Wiebe Venema (1875-1937), in Knypster skipperssoan. En ik ha noch in begjin te lizzen fan Albert van Akker, dy't te stiif yn 'e fingers wurdt om it ôf te meitsjen.

De opbou fan Piter syn ferhalen hat gjin oar systeem as in besykjen ta gronology, mar yn frije assosjaasjes hellet er de tiden geregeld trochinoar. De ynhâld is foar it

Trotwaer. Jaargang 32 grutste part anekdoatysk. It is yn in nayf-fertellerige praat-styl opskreaun, as siet er by jin oan 'e tafel, mei hûn-

Trotwaer. Jaargang 32 324 dert kear ‘no’ of ‘ja’ oan it begjin, en hjir en dêr in útrop: ‘ei jonge, it wiene dêr allegear snoeken’. De stavering is frijmoedich, mar de taal autintyk en wûndere geef (al skriuwt er ‘fangt’ foar ‘fongen’). Under it úttipen gong der in tsjoen fan út; ik moast it wol tige hoeden bypuntsje om it oarspronklike dokumint yn wêzen te litten. It past nammers yn 'e orale, en winliken net yn 'e literêre tradysje. Tagelyk sit der, as men troch de tekst hinne lêst, in ûnwittende rykdom oan sosjale ynformaasje yn. ‘De jagers wiene doe ferbeten op skippers dy't har slepe lieten’, skriuwt er oer in trelit yn 1917. Dat wie it jier dat hûnderten skipsjagers yn Grinslân harren breawinning ferlearen oan motorsleepboaten. Allyksa mei de rekkenerij, de frachtfergoedings, de ferhâldings oan board: mem behearde it jild, sa't beppe foar har dien hie. Sa'n skippersbern waard al mei seis jier fan syn fermidden losskuord om yn in frjemd kosthûs oan 'e learplicht te foldwaan. Piter hat fan syn seisde oant syn njoggende jier op 'e Koaten nei skoalle ta gien, en yn dat skoftsje fjouwer kosthuzen hân. Ien fan dy froulju wie oan 'e drank, in oaren-ien, Fokje, wie geregeld oan 't kaartlizzen; dat wie in ‘monster’. As tsienjierrich feintsje waard Piter by Tjitte-om besteld, om't dy oan in frou fan 'e wâl hingjen bleau dy't net farre koe. Fan moarns jier oant jûns let arbeide er foar de kost en de klean, fierder neat, ‘mar sjoch, dan hiene heiten-dy mar wer in iter minder’. Mei syn trouwen yn 1930 kocht er foar de nijpriis, 3.500 gûne, it yn 1925 by Barkmeijer boude boltsje ‘Rust na Arbeid’ fan syn heit-endy, ‘want ik moast dochs holpen wurde’. Oardel jier letter moast er it al wer werombringe om't er der neat mear mei fertsjinne. Mar hy gong wol te hurdsilen, wat fansels gjin kant út koe. Yn Delfsyl wûn er noch fjirtich gûne ek, sa't er by 't reedriden de twadde en tredde pryskes rûnom opswile. De earste twa ôfbetelle terminen, seishûndert gûne, liet er sitte. ‘Jo meie it wol ha foar wêr't it no op stiet’, sei er tsjin heit. Hy skriuwt net wat dy nederlaach foar him betsjutte, sa't er it measte ferswijt wat pynlik wie. De iere dea fan mem, 55 jier âld, neamt er yn twa rigels mei de tafoeging ‘dat wie der even tuskentroch’. Wylst ik hjirmei omtyske, brocht buorman my in pear skriften mei deiboekoantekens fan Jan Brouwer, de âldste broer. It bloed jage my doe't ik se lies as troch oare ieren, it sleepte my mei nei Veendam jierren tritich. Hy fertelde my, yn oanleard noardlik dûmnysnederlânsk en mei in hast te hearren lûd, fan syn striid yn leauwen en leavjen as foargonger fan in oerhearrige keppel. It giet ûnferbidlik op net foarsjoene plots ta, dy't soms wol, soms net komme. Men fielt oankommen (yn 1932) dat er ea skiede sil fan 'e frou dêr't er dan kunde oan kriget, him mei ferlovet en al-net-al mei trout. Ik wraksele mei him troch krises hinne, seach de fatale fersinnen dy't er yn syn hertstocht makke. Oer de dea fan mem, foar Piter ‘even tuskentroch’, hie hy seis bledsiden yn sjoernalistike behearsking earlik-gefoelich folskreaun. Sa ûntdiek ik nije ferhale-lagen achter Piter syn oantekens. Meitsje dêr mar ris in boek fan, ien boek. Want dat waard myn izerfêste oertsjûging, der soe in boek fan komme. It moast in meislepend epos wurde oer de opkomst en de ûndergong fan de wylde skipperij yn Fryslân tusken 1840 en 1940, fan de Brouwers út beskreaun. Breed fan opset en ryk oan details, kundich skreaun en ynformatyf, oertsjûgjend en sterk fan styl. Geert Mak syn Jorwert mar dan oars. De titel hie ik al gau: ‘Mei de

Trotwaer. Jaargang 32 bealich helle’, in moaie skipperstitel foar sa'n laach, wreed en ritmysk as in izeren roefskip.

Trotwaer. Jaargang 32 325

Der wie ien probleem: Jan syn oantekens wiene foar gjin oare eagen as syn eigen ornearre en syn bern soene it, fernaam ik fan Teije, noait goed fine dat in frjemd dermei op 'e rin gong. Alhielendal net foar publikaasje. Der wie noch in oar dinkje, dat, útdaagjend en ynspirearjend earst, stadichoan tûkelteammich hindere. Ik hie de rjochte technyk net om in Hoe God verdween uit Jorwerd, in Gewassen Vlees of in De anathoom te skriuwen. ‘Nim de tiid’, rette Freark Dam my oan, mar oan tiid ha 'k net folle. It masterskip miste my, en Piter koe it ek hielendal net ha dat ik swiere wapens ynsette; dêr is syn ferhaal te kwetsber yn oarspronklikens foar. It hat my in jier koste om dêr achter te kommen, en it wie suver in ferromming doe't it sa fier wie.

De pear útjouwers dy't ik myn typte fersy mei wol trijehûndert noaten lêze liet, wiene net ûnder de yndruk. De oerflakkige kant it neist, fûn ien. Yn it Frysk? frege in oaren-ien, hoefolle eksimplaren tocht ik dat der fan ferkocht wurde soene? As ik it sa geweldich fûn, wie in tredde reaksje, wêrom joech ik it sels dan net út? Moast ik sizze dat ik it finansjele risiko net oandoarst? Underwilens die my bliken dat it Brouwerlaach wol slim grut is, (pake en beppe hiene acht bern, oerpake en -beppe tolve) en dat Jehannes Brouwer, Wilma de Jong, Kees Bies, Kees Toering en wa wit net allegear mear al moai wat oan 'e genealogy dien hawwe. Noch wer mear feiten, nammen, jiertallen. Guon, fûn ik nachten troch sneupend út, doogden net troch burokratyske tekoarten, nammeferwikselingen. Skippers wiene analfabeet út oertsjûging, en Lammert en Piter Brouwer hiene mei harren skip wat te ferbergjen.

Ik gean gauris út te fertellen, skûtsjeferhalen,

Piter Brouwer as skipper yn folle konsintraasje (foto út: Hoop doet leven) foar lju mei de sinten los yn 'e bûse. Dat wurdt in knappe twadde tak, want Fryske ferhalen lizze goed yn 'e merk. Dêr lei ûnferwachts in oplossing. De lju fan Meekma Beerenburg woene myn Piter Brouwer-projekt wol royaal stypje, seine se, as Hollanners der ek wat oan hiene. The Inspiration Company nimt twahûndert eksimplaren ôf ûnder gjin oar betingst as itselde. In oare klant stiet ‘ongezien’ foar hûndert boeken, in bedriuw nimt earst mar fiifentweintich, wylst de promoasje noch begjinne moat en ik noch mei trije, fjouwer konsepten omgriemde en net wist hoe't it komme soe.

Trotwaer. Jaargang 32 Mar ynienen seach ik it ljocht. M. Februari

Trotwaer. Jaargang 32 326 en Marjolijn Drenth* kamen yn my gear: de oantekens fan Piter as autintyk proaza bekoarte, oardere, licht redigearre, en alle feiten fan trijehûndert noaten en skriuwblokken fol ferhalen ferarbeide yn in histoarysk ferantwurde Hollânske begeliedende tekst. Ik keas in nije titel: ‘Hoop doet Leven’ - de namme fan it twadde skip. Sa'n titel is op himsels al fan in naïve skientme. Mei it foarnimmen om foar 2001 dat masterwurk ‘Mei de bealich helle’ te skriuwen, kin ik de oantinkens fan Piter Brouwer skoan foar eigen rekken útbringe. Meekma betellet it printwurk en de bearenburch dy't it oant no ta koste hat, alle harkers nei myn skûtsjeferhalen steane foar in moaie oplaach. De fraach is allinne noch wa't as skriuwer op it omslach moat: Piter Brouwer of Klaas Jansma.

Eindnoten:

Klaas Jansma, Hoop doet leven. Het verhaal van Pieter Brouwer, 1904-1985 is op 27 july presintearre yn it Skûtsjemuseum De Stripe yn Earnewâld. Der is keazen foar in Frysktalige basistekst mei wiidweidige Nederlânske taljochting en oersettingen ‘omdat dit boek aan een breed lezerspubliek de relatie van Pieter Brouwer tot de Friese schipperij tot uitdrukking wil brengen’. It boek is utjun troch penn & Partners, yn gearwurking mei Frysk en Frij. It telt 160 siden en kostet f 24,95. * M. Februari & Marjolijn Drenth, Een pruik van paardenhaar: Over het lezen van een boek. Amsterdam 2000.

Simmer 2000: in feestje foar ússels? (3)

‘Friesland is een mooi dorp.’ Dat zei onze buurvrouw in een dorp bij Den Haag toen mijn ouders in 1961 bij Dronrijp een tweede woning kochten. Nu was deze buurvrouw niet de allerslimste, maar haar opmerking was illustratief voor de wijze waarop Hollanders het Noorden zagen. Een achtergebleven gebied, bewoond door mensen met een spraakgebrek, die de Randstedelingen voorzagen van zuivelproducten en - zo nu en dan - van een opmerkelijke persoonlijkheid. Naar zo'n negorij ging je als ‘geciviliseerde’ Hofstadbewoner uiteraard nooit. Een enkele fervente zeiler, schaatser of vogelspotter uitgezonderd. De Friezen op hun beurt koesterden hun minderwaardigheidscomplex in een zelfgekozen isolement. De ommekeer kwam in de jaren '80 toen het overvolle Westen het wijde Friese land ontdekte. De Friezen reageerden met een mengeling van tolerantie en een groeiend gevoel van eigenwaarde. Simmer 2000 was de bekroning van dat proces. Een feest van en voor een zelfbewuste gemeenschap. Misschien had onze naïeve buurvrouw in 1961 wel een beetje gelijk. ‘Friesland is een mooi dorp.’ En dat dorp vierde een uniek feest. Dat er ook nog zoveel Friezen-om-utens kwamen, was een prachtige bijkomstigheid. Zij hebben beter dan wie ook kunnen vaststellen hoe het Heitelân is veranderd zonder het eigene helemaal te verliezen. Hans Hoogendijk

Trotwaer. Jaargang 32 327

Tegels Meinou P.

Guon minsken wolle bûtenlânsk literêr wurk allinnich mar yn 'e orizjinele taal lêze. Se binne fan betinken dat der by oersetten tefolle ferlern giet. En dat is sûnder mis wier, mar sy sille dan wol in grutter idioom ta har foldwaan hawwe as ik. Ek nei de middelbere skoalle en de kweek lies ik wolris in boek yn ien fan de moderne talen. Ik krige it mei help fan in wurdboek wol út en ik hie ek wol de yllúzje dat ik begriep wêr't it oer gong. Mar as ik dan letter de Nederlânske edysje yn 'e hannen krige, bliek wat der allegearre oan my foarby gongen wie. Dat ik sil my wol behelpe moatte mei oersettings. Beskamsum, mar ik nim foar it gemak mar oan dat ik no te âld bin om dêr feroaring yn te bringen. Gelokkich binne der twa talen dy't ik wol hielendal oant yn de lytste fasetten behearskje en dêr't ik dus oer meiprate kin. Ik hoech De koperen tuin net yn it Frysk te lêzen om krekt te witten wat Vestdijk bedoelde en Speerstra syn wreed paradys net yn it Nederlânsk. En as ik dat al dwaan soe, kaam ik grif ek ta de ûntdekking dat de oersetter c.q. taaladviseur út en troch nei myn idee de planke mis slacht. Want dat oersetten yndie in subjektive beuzichheid is, waard my mar al te dúdlik doe't ik in Fryske preek hearde oer Spreuken 12 fers 4. De foargonger hie it oer ‘in flinke frou’. Ik hie dy passaazje wolris yn it Nederlânsk lêzen en ik wie der fan oertsjûge dat dêr ‘sterk’ ynstee fan ‘flink’ brûkt waard. Op slach wie ik de tried fan de redenaasje kwyt, want ik koe nearne oars mear oan tinke as oan de kar fan dat wurd. Flink, tocht ik, dat is in gradaasje dy't in man foar in frou betinkt. Flink heart by immen dy't sûnder gesanger alles docht wat fan har frege wurdt en altyd de oerhimden op 'e tiid strykt. Der is gjin frou dy't leaver flink wêze wol as sterk. Wêrom yn it Frysk net ‘sterk’? Hokker smjunt hat der ‘flink’ fan makke? Thús lies ik de Steatefertaling der op nei. ‘Eene kloeke huisvrouw is eene kroon haars heeren; maar die beschaamd maakt is als verrotting in zijne beenderen.’ Ik waard nijsgjirrich yn twa betsjuttings fan it wurd en belle de pleatslike dûmny. Hie ik it by it ferkearde ein, wie der net in oersetting mei ‘sterk’? Hy hie net iens in kertier nedich om it nei te gean. Ja, de Willibrord-oersetting joech ‘sterk’, fierder hie er noch ‘deugdzaam’ en ‘degelijk’ fûn, it resintste is ‘flink’, en yn de Fryske bibel stiet ‘warber’. (As de frou dat net is dan is se ‘as frettend sear yn syn bonken’. Moai oerset en op himsels al stof foar in column, mar soks kin net mei de eagen fan no besjoen wurde, sei myn ynformant en dêr hie er fansels gelyk oan.) Myn argewaasje yn de tsjerke hie dus om 'e nocht west. Mar tekenjend foar myn ferhaal is wol dat net ien oersetting krekt deselde betsjutting hat. Kloek, sterk, degelijk, deugdzaam, flink en it Fryske warber. As ik no ris taaladviseuze wêze mei fan de Hollânske oersetting fan de Fryske bibel, dan doch ik krekt as wit ik net dat ‘warber’ allinnich mar ‘ijverig en arbeidzaam’ betsjut en meitsje der ‘weerbaar’ fan. As de man syn bonken dan al oantaast wurde, moat er mar flink wêze.

Trotwaer. Jaargang 32 328

Tsjits Peanstra Undertusken

I

Sa wiene dagen, sinnige dagen it sân omtrint wyt, it wetter blak, de stuollen op 't balkon, de lûde stimmen fan fakânsjefolk kilometers fier.

Under in parasol sochten wy skaad, it ljocht wie hjir oars, mylder en wreder wy koenen it gefaar net, lieten ús samar ferbrâne, wie dit ús lân wol?

Letter doe't it jûne, it folk nei hûs fiskers thús kamen, it boat ôfladen mei netten en fisk - glinsterjend sulver -

strekten wy de loaie lea en laven ús mei de fruchten fan it âlde lân wy dangelen lâns 't wetter op it strân.

Trotwaer. Jaargang 32 329

II

Nea wiene wy mekoar sa nei as doe gjin minske dy't ús koe, de taal ferstie, wy liezen it ferhaal fan it folk yn donkere eagen en laitsjen dat klonk

oer de pleinen en bylâns de kaden wie dit ús thús? Do wiest myn feiligens, do wiest hjir myn skûlplak en myn taflecht wy soene mekoar net wer ferlieze.

Oan de beammen hongen apels dy't wy net koene, sa swiet en sa waarm fan kleur. De roken oer it fjild wiene £s frjemd

mar se waarden ús al hiel gau eigen en joegen ek betrouwen foar letter dêr bouden wy in hûs oan it wetter.

Trotwaer. Jaargang 32 330

III

Sa gongen de sinnejierren foarby hiel stadich slûpte stilte yn tinken en praten en waardsto my minder nei, waard ik dy frjemd en hiesto my ferlern.

Der wiene gjin fakânsjegongers mear, gjin parasol stie langer op 't balkon, de haven lei hast droech en ek de fisk stie deis net mear by ús op it menu.

Rudige apels hongen oan de beam en oer de bergen kaam in kâlde wyn, dyn earmen joegen my gjin hâldfêst en

feiligens mear. Doe't de stoarm oanboaze wie it om hûs en hear net mear fertroud, ús hûs wie makke fan fermôge hout.

Trotwaer. Jaargang 32 331

‘Lit wêze wat wêze wol, it komt dochs oars.’ Tjitte Piebenga

De wekker yn it pantsje mei grint en sinten rattele in ûnbidich gat yn it sykheljen, heal ûnder de tekkens. In earm spatte fûl ûnder it tek wei en mei de folle hân krige it apparaat in bêste optater. Dat foel dan ek opslach stil. - Dy docht it nea wer, sei se, wylst se gapjend sitten gie en mei de strakke earms fier boppe de holle rekte. Se sloech de tekkens tebek, stapte fan bed ôf en reage de gerdinen oan 'e kant. Nijsgjirrich kipe se nei bûten, dêr't rein en stoarm besochten de ruten fan 'e flat lytsman te krijen. - Wat in rotwaar, konstatearre se. Se smiet har pyjama op it bêd en mei in fluch efterinoar optillen fan de knibbels sweefde it broekje der efteroan. Yn ien rin wei hippele se ‘haidawytska’ sjongend de douche yn, dy't agressyf begûn te pjutskjen en te dampjen, mar dat hâlde har net tsjin om ‘haidawytska’ mei in koloratuergliderke ôf te sluten. Wriuwend en winend yn in mânske handoek kaam se ta de douche út. - Wat wie dat hearlik. Se smiet de handoek oer it bekling fan in stoel en gie al hippeljend op 'e kast ta, dêr't se mei oerlis en hinne en wer skowen fan kleanstokjes har kar die. Foar de grutte spegel klaaide se har mei drok beweech fan hannen en earms oan. Se beseach de fertuten, dy't har sa't it like net ôffoelen, want mei lytse knikjes fan 'e holle karde se elts detail goed. - Dat is dat, núndere se. Se begûn mei har hier, dat se fia de kaam yn lange, ljochte tressen sà oer har skouders en rêch weagje liet, dat it ljocht der mei lytse fûnkjes en glitterkes yn sparke. Noch ien opnimmend sjen yn de spegel, doe gie se nei it finsterbank om it polshorloazje te pakken. - Ferdeuld, sa let al, sei se, wylst se it bantsje tusken pols en mage fêst sette. Hastich stiek se it pintsje yn it gatsje en gespe de saak ticht. Undertusken wie se al op in sjutteltsje ûnderweis nei de koken. - It soe krekt wat foar my wêze, de earste deis al te let. Yn sân hasten kôge se in krekker op, dy't se hast kokjend fuort spielde mei in pear slokken iiskâlde molke, de flesse oan 'e hals. - Ik helje it al net iens mear, acht oere al. Mei panyk yn 'e eagen skeat se de koken út, rjocht op de tillefoan yn 'e keamer ta. - Hok nûmer ha se hjir ek al wer?

Trotwaer. Jaargang 32 332

Se griste it tillefoanboek der by, dêr't se rimpen yn begûn te blêdzjen. Doe't se fûn hie wat se socht, kletste se it plat op 'e flier en begûn te draaien. - De Dulf 396, kin der as de wjerljocht in taksy komme? - Nee? Alle weinen beset? - Mar ik moat om healwei njoggenen yn in nije baan begjinne. - ...... ? - Goed, ik stean by de lift. Se kletste de hoarn der op, jachte nei de hal, rûtste yn ien feech yn 'e jas en stie yn 'e lift ear't se it suver yn 'e rekken hie. - Poepoe, sei se. Under kommen soe se nei bûten ta om dêr te wachtsjen, mar doe't de doar har út 'e hannen en de rein har yn it antlit sloech, betocht se har. Mei de sjaal yn 'e nekke en heech om it sparkjende, lange hier, stie se fan de iene op 'e oare foet wippend en troch it glês fan de doar kypjend te wachtsjen. Ynienen bleau se stokstiif stean. - Dat ek noch! Myn tas fergetten, en ik ha 't net mear oan tiid om nei boppen. In klakson jammere lûd en twingend troch it bolderjen fan de wyn en it kletterjen fan it reinwetter hinne. Se smiet de doar iepen en harsels foaroer yn it skuorren en warreljen fan de stoarm tusken de hege flats. It reinen kletste har by mingels tagelyk yn it antlit. - Stommeling dy't ik bin, ik hie in reinmûtske opdwaan moatten, raasde se, suver oer it bolderjen hinne. Se loek sa hurd as it mar mooglik wie it portier iepen, en doe liet se har neist de sjeffeur falle, alteast, dat wie se fan doel, mar healwei bleau se hingjen. Mei de iene skonk yn 'e Mercedes 280 ZOPLU en de oare der bûten koe se net fierder. Mei prykjende eagen stoarre se nei it antlit fan 'e sjeffeur, dat troch de wat feale dashboardljochtsjes yn it healtsjuster suver gluorkjend opskimere. Se woe wat sizze, mar de wurde bleaunen har hingjen en se stoareage mar. - Ja, stap no mar yn, sei er. Se fermanne har, gie sitten en loek it portier efter har ticht. Doe slokte se in kearmannich, mar ûndertusken hâlde se syn antlit mei har grutte, dûnkerbrune eagen fêst. - Do.... eh.... ik ....! sei se. - Goed, wêrhinne?, frege er net ûnmyld. Ynienen wie se beret. - It wurdt tiid datsto dyn hân fan 'e klakson hellest! - Nim my net kwea ôf. It gejammer hâlde fuortendaliks op. - Twibaksmerke, sei se.

Trotwaer. Jaargang 32 333

Wylst de rutewiskers mear as healwiis hinne en wer jachten en de taksy begûn op te lûken, seach se him fansiden oan. Syn hiele antlit taaste se ôf, de min-ofte-mear reade wangen, dy't, lang net glêd skeard, har tusken earen en mûle suver jongeseftich ûntjoegen. En de stielblauwe eagen en de kantige noasters, it dûnkere hier, it foarute kin. - Ik moat hjoed foar 't earst begjinne, stammere se heal. Hy seach har fansiden oan, in fyn spotglimke yn 'e eagen. - Dat kin eltsenien net sizze, sei er. Se fleagen de Goudenreinstrjitte yn, fytsers ûntwikend en sadwaande slingerjend. - Moat it sa mâl? frege se. - Do bist ferdomme krekt as alle oaren, batste er der út. - Riid dan ek wat stadiger. Hy seach har wat flucheftich oan. Se die har holle hastich de oare kant út. Boppe oan har hals en by de earen waard har hûd wat dûnkerder, it like suver op einepikefel. Op 'e hoeke by de Grinzerstrjitwei moasten se wachtsje. Se seach him foarsichtich fansiden oan. Syn holle gie skokeftich fan rjochts nei lofts en bleau efkes letter de lofter kant oer hingjen. Doe't der in gat yn it ferkear foel, sette er fûl útein en skeaten se wat oerhingjend de strjitwei op. - Wat dochsto? - Skoaljuffer. - In goede baan. - Ja. Se rieden de Twibaksmerke op. - Wêr moatst wêze? - Stopje hjir mar, sei se. Hy soe de taksy krekt in parkearplakje ynstekke, doe't in grutte wite bestelwein harren foarbyskeat en mei gûlende remmen skean foar de taksy lâns it parkearplakje ynpikte. - ‘Fryslân Plan B.V.’, lies se lûdop. - Wel àllèmàchtìch!!! âle er. Se sloech hast mei de holle tsjin it foarrút oan, sa hurd remme er, mar doe wie hy der ek al út. Him net bekroadzjend om wyn of wetter raamde er it portier fan de bestelwein iepen en loek de sjeffeur der út, dy't er mei in sonoare klap mei de rêch tsjin de bestelwein oanbonke. Earst doe krong it ynienen ta har troch wat him neist de bestelwein ôfspile. Se fleach de taksy út en spatte op 'e wrakseljende manlju ta, dy't oer de stoarm hinne lûd op elkoar ynraasden. Yn 'e gleone hastigens seach se de grienútsleine stammen net, dy't gâns in ein efter de iepen efterdoarren fan 'e bestelwein útstieken, dat se klapte der net ûnsêft tsjinoan. Doe't se, nei

Trotwaer. Jaargang 32 334 de siken gapjend, wer wat ta har sûpe en stút kommen wie, wraksele se har kibich tusken de manlju yn en drukte se sa goed as se it mar koe út elkoar. - Jim lykje wol bern, raasde se. De sjeffeur fan de bestelwein sette har net ûnfreonlik oan 'e kant en gie op syn opponint ta. - Hjir moatte wy ris omstannich oer prate. Sjoch ris, in omke fan my, of eins wie it gjin echte omke, wy neamden him allinne mar sa om't er ús tredde buorman wie, hat ek ris...... - Ferrek do mei dyn omke, sei de misledige partij, en hy sette mei de kop yn 'e nekke op syn taksy ta, dy't er jankend fuort skuorre liet. Se sprong sawat de Twibaksmerke op. Mei de hannen yn 'e loft en de lange sjaal wapperjend yn de wyn, draafde se efter de taksy oan. - Ik ha net betelle, moarte se, jammerjend yn 'e stoarmige wetterfal. De sjeffeur fan de bestelwein die de portieren op slot en rûn, wòl om 'e grien útsleine stamme hinne, it skoalplein op. Der wie neat oan him te merkbiten. Under in paraplu, dy't hyltiten fûleindich omheech klapte, gie Daniël Daen oan it smaaiizeren, grien ferve stek foarby, mei efter him oan syn kuierklubke: -..... onweer wind of regen..... deren ons niet..... wij kunnen er wel tegen.....

(Twadde haadstik út de mei de tiid te ferskinen sammelbondel Fryslân Plat BV.)

Trotwaer. Jaargang 32 335

Josse de Haan: Literatuer is myn libben, myn libben is literatuer Henk van der Veer

‘Kinst sizze dat literatuer myn libben is en myn libben literatuer. Tusken de trije net publisearre lytse romans dy't ik fan myn achttjinde oant myn ienentweintichste op 'e Kweek skreau, twa Nederlânstalige en ien Frysktalige, en de lêste grutte roman Piksjitten op Snyp, leit in libben fol literatuer. Fjirtich jier dus. Dy twa Nederlânstalige romans wiene “Sneeuwvlokken” en “Koperen Klown”. De Frysktalige hie as titel “Spûns en Fleis” en waard troch útjouwer Laverman as pornografys ôfkard. De Blauwe Hand yn Harns, quatrebras, Operaesje Fers, Trotwaer, de Koperative Utjowerij en myn ienmanstydskrift iP2r90 Rendez-Vous foarmje wêzentlike ûnderdielen fan dat literêre libben. Sûnt it begjin fan de njoggentiger jierren hearre de fisuele fersen dy't ik ANARKYS neam, der ek by. Piksjitten op Snyp, is foar my gjin einstasjon, eins is it de optelsom fan alles wat ik yn de ôfrûne fjirtich jier skreaun en dien haw op it literêre mêd. Fan dy fjirtich literêre jierren haw ik tweintich jier bûten Fryslân wenne en ik tink dat soks der foar soarge hat dat ik foar guon lêzers en kritisy wat muoilik te pleatsen bin. Ik tink dat ik yn 't foarste plak by de Frysk-Nederlânse literatuer en kultuer hear. Foar my kinst dy twa net skiede. Ast praast oer libbenswurk dan tink ik dat ik yn myn wurk de Fryske identiteit, literêr en as Fries, yntegrearre haw yn de Nederlânse literêre identiteit. Dat kin in ferriking wêze foar beide “taalkultueren”. Yn it Europa fan moarn sil dat faker barre. Literatuer kin yn dit yntegraasjeproses - en dat is gjin assimilaasjeproses - in wichtige rol spylje. Yn dat opsicht is Piksjitten op Snyp in allesomfetsjende roman, tagelyk in groteske en in essay. It boek kin lêzen wurde yn heel Europa.’

Dat seit skriuwer Josse de Haan oer syn op 9-9-99 ferskynde roman Piksjitten op Snyp. Mei him in ynterview oer dy roman en ek rom omtinken foar De Haan syn opfettings oer de literêre krityk yn Fryslân en dan yn it bysûnder de resepsje op syn ‘Megabyte-boek’. Wa't it tsjokke boek fan De Haan lêzen hat sil him ôffreegje of Piksjitten op Snyp it libbenswurk is fan dizze skriuwer om utens, dy't yn Frâns Baskelân wennet. ‘Nei Omskottenfan leafde, de roman dy't yn 1981 by de KU ferskynde, hie ik myn nocht fan, lit ús sizze, de gewoane ferhaalroman dêr't streekrjocht fan it begjin nei de ein skreaun wurdt en de romantiid sa likernôch lykop rint mei de wurklike tiid. Ik hie al lang troch dat it libben in gaos is dêr't gjin streekrjochte linen yn besteane en dêr't de iennige progresje bestiet út it âlderwurden. No, dy tiidsline is net botte ynteressant. Yn in mins barre hele oare dingen dêrst faak gjin grip op hast. Foaral it ûnbewuste en it ûnderbewuste binne yn dit stik fan saken wichtich. Dêr-

Trotwaer. Jaargang 32 336 yn spylje, mei datst âlder wurdst, de jeugdoantinkens in grutte rol. Le temps perdu, sis mar. By my alteast. Yn it begjin fan de tachtiger jierren skreau ik eins allinne noch mar fersen en yn deiboeken. It Fûns foar de Letteren hâlde my materieel en immaterieel boppe wetter. Ik skreau oer it ferline, oer wat ik lies, oer wat ik meimakke, oer de ûnsin fan it houlik, oer de waansin fan it ûnderwiis en foaral oer de literatuer en it libben. Eins ynteresearre ik my yn dy jierren allinne noch mar foar de literatuer. De Groene Amsterdammer kaam begjin 1985 mei in priisfraach ferhaleskriuwen. Ik stjoerde in koart ferhaal yn, in jeugdoantinken oer it opblazen fan kikkerts. Adriaan van Dis, Johanna Fortuin en Martin van Amerongen joegen it de tredde priis. Neist de eare en de publikaasje fan it ferhaal, yn desimber 1985, krige ik fjouwerhûndert gûne. Mei myn maat Piter Yedema haw ik dat hiele bedrach yn drank omsetten. Hawar, de sjuery fûn dat ik it ferhaal “byldzjend, flot en pakkend” skreaun hie. Harren oardiel stimulearre fansels geweldich. Ik haw doe in pear jier dwaande west mei in Nederlânstalige roman, dêr't ik it maatskippijkritise ferbine woe, yn ferhalen en aktuele saken lykas by Dos Passos, mei de jeugdoantinkens út in lyts doarp. Dat is doe net slagge. Foaral de foarm fan it boek koe ik gjin grip op krije. Miskien stie it Nederlâns taalgebrûk ek wol te fier fan my ôf om driuwend genôch te wêzen. De allesomfetsjende roman dy't ik skriuwe woe is der doe net kommen. In fjouwer of fiif ferhalen mei jeugdoantinkens haw ik derút helle en opslein yn myn argyf. Nei it lêzen fan De Reade Bwarre fan Trinus Riemersma, De Wuttelhaven del fan Steven de Jong en foaral fan it postúm útjûne boek Le premier homme fan Camus, myn grutte favoryt oars, krige ik wer oanstriid en begjin oan it boek mei jeugdoantinkens. Yn 1994 bin ik begûn mei de tariedings, yn 1995 haw ik de earste stikken skreaun en yn maaie/juny 1999 binne de lêste korreksjes útfierd troch Sjoerdsje V.’

Oer it skriuwproses fan Piksjitten op Snyp, seit De Haan: ‘Eins moat der praten wurde oer it skriuwproses fan de skriuwer sec, ik dus, en it skriuwproses fan de twa haadpersoane-skriuwers. Dêrby spilen de foarm en de ynhâld in net te ûnderskatten rol. Foar my moat de ynhâld de foarm oanjaan, mar soms ûntkomst net oan de twingende easken fan de foarm. Ast seist dat in goed boek himsels skriuwt, dan is dat wier wat de assosjaasjes oanbelanget. It iene wurd jeit it oare op, it iene idee feroarsaket it folgjende, mar dêrmei easket de foarm in hele strange dissipline fan de skriuwer. Dêrom haw ik yn 't foar globaal de foarm fêstlein, lit ús sizze it skelet fan de roman. Nei't ik besletten hie dat ik njonken nije ek fiif âlde jeugdferhalen brûke woe, dat it boek út njoggen dielen bestean soe, analooch oan de ferhalen fan it jonkje, twa skriuwers de haadpersoanen wêze moasten en de jeugdoantinkens per diel yn trije parten opsplitst wurde koene. Ien part bestiet út in “dream” fan it jonkje, it surrealistise aspekt, dêrst as skriuwer fierder gean kinst as yn in realistys ferhaal. Doe't al dy dingen foar my dúdlik wiene koe de struktuer fêstlein wurde. De jeugdoantinkens moasten yn de doetiid en ik woe se ek allegearre sa likernôch fan deselde lingte hawwe yn ferbân mei it lykwicht fan it ferhaal, fan de roman. Dêrtroch koe ik de dielen oer/fan de haadpersoanen/skriuwers yn de notiid skriuwe, sadat it skriuwproses, want dêroer woe ik skriuwe, syn gerak krijt. It konsept haw ik hast in healjier oer neitocht, útprobearre, fersmiten, op 'e nij besocht en op 't lêst

Trotwaer. Jaargang 32 337 globaal fêstlein. Ik bin mei it earste jeugdferhaal begûn en dêrút wei mei it begjin fan haadstik 1 fan Diel 1, sadat ik ferwize koe middels De Grutsk, yn syn eigen skriuwproses, nei it jeugdferhaal. Yn haadstik 10 fan Diel 1 krijst dan de moeting tusken de twa skriuwers en it praat oer har jeugd, har libben, it skriuwen en soksoarte fan saken. Dat foarste Diel 1 haw ik yn april 1995, ik siet doe trije moanne yn St. Jean de Luz, nei in fjouwertal freonen-literators stjoerd foar in hurde en earlike krityk. Guon op-en oanmerkings koe ik brûke. Oer 't algemien wiene dizze fjouwer minsken entûsjast oer wat ik skreaun hie. De wichtichste haadpersoan, de lange, grutte en eigenwize De Grutsk, sit mei in writers- en libbensblock. Dat skriuwen fan him giet dus heel stadich, sadat de earste haadstikken soms ek frij koart binne. Dy oare skriuwer, Ika-2, de ôfsplitsing fan De Grutsk of in selsstannich skriuwer, is in maatskiplike skriuwparasyt dy't De Grutsk dwers sit en brûke wol. Of oarsom. De ûnderskate skriuwprosessen yn it grutte skriuwproses krigen wat langer wat mear romte, mar fregen wat de foarm oanbelanget it uterste oan kreativiteit en ynvintiviteit. Der besteane trije fersy's fan de roman. De lêste is offisjeel op 9-9-99 útkommen.’

Piksjitten op Snyp is mear as in roman. As subtitel stiet foar yn it boek ‘groteske of essay’. De Haan ferklearret: ‘Ik woe dus literêr wat dwaan mei jeugdoantinkens. Doe't ik besletten hie twa skriuwers as haadpersoan te nimmen - foar my in net alheel ûnbekend fak -, koe ik ek skriuwe oer it skriuwen sels, oer de literatuer en de pulp, oer kritisy, oer it Frysk literêre wrâldsje, mar foaral ek oer in skriuwer dy't fêst siet, fêst sit, mei't er út syn baan setten is. Of gongen. Hy wurdt op 'e bealch sitten troch de fatsoenlike maatskippij dêr't de kalvinistise moraal faak foar master opslacht. De twadde skriuwer kinst hjir dus ek sjen as de metafoar foar dy saneamde “soepelrinnende” maatskippij. Op 't lêst wint de keunstner, De Grutsk, en giet de klerk, Ika-2, nei de Filistinen. Of miskien moat ik sizze Filipinen. Mei't ik al jierren ferkundigje, en ek literêr tapast haw, dat it maatskippijkritise elemint yn de literatuer net ûntbrekke mei, want oars wurdt it Endemol-kitsch of KFFB-pulp, koe ik no mei dy twa skriuwers heel wat diskutabele saken yntrodusearje. Soms binne de skriuwers, as antagonisten hast, it folslein ûniens, soms ha se deselde miening. Beide bemige de kritisy! In sub-haadpersoan is bygelyks de psychiater, De Psyk, dy't lykas dy Diekstra út Snits, him de skriuwprodukten fan syn pasjinten taeigenje wol en publisearje. Yn it einrapport fan dy De Psyk oer de De Grutsk, syn case, syn Kees K., syn eigen Kafka miskien, haw ik yn de gebrûklike meta-taal fan dy lju, it swetserige fan sokke lju iroanys ferwurde. En sa krije ek rjochtbanken, belêstingtsjinsten en oare ynstellingen dy't de taal ferkrêftsje, en minsken dus, har gerak. Alles út it eachpunt fan De Grutsk. Hy is wat oerspand en oerémis en sjocht oeral ûnrjocht en oanfallers. Soms terjochte, want swakke minsken binne gaadlike proai. Yn dat opsicht rint dit parallel oan it barren yn Snyp. Mei it ynfieren fan twa kritisy, metafoaren foar al dy lju dy't miene sûnder literêre arguminten oaren plat meane te kinnen, koe ik ek dat elemint as wichtich ûnderdiel yn it libben fan in skriuwer besprekke litte troch de twa haadpersoanen-skriuwers.

Trotwaer. Jaargang 32 Fierder haw ik noch in tal auteurs brûkt dy't ik wichtich fyn en dy't ynfloed op my hân hawwe. Soms haw ik se letterlik sitearre. Se spylje in rol yn de diskusje oer literatuer dy't de

Trotwaer. Jaargang 32 338 twa skriuwers opsette. Yn dat opsicht is de roman ek in essay.’

Pikjitten op Snyp, is gjin trochsneed ‘Bekentenisroman’ of ‘Bildungsroman’. Hoe kwalifisearret De Haan it wurk? ‘Ik wie ferrast dat Kees 't Hart yn syn besprek yn De Groene [fan 1 maart 2000] de ferhalen fan/oer it jonkje De Lytsk fergelike mei Kees de jongen fan Theo Thijssen. Dat prachtige boek is ek ien fan myn favoriten. Doe't ik De Lytsk kreëarre, haw ik net oan dy jeugdroman tocht. Ik haw wol besocht út de tink-en fielwrâld fan sa'n jonkje te skriuwen. Guon saken dy't De Lytsk meimakket en fertelt of dreamt werken ik as eigen. Oare ferhalen haw ik heard of lêzen. Se binne fansels stilearre. Ik haw se heel faak werskreaun oant ik de stim fan dat jonkje te pakken hie. Ast oer dyn jeugdoantinkens skriuwst, as folwoeksene, hast te krijen mei ûnderskate problemen. Kinst as skriuwer jeugdoantinkens betrouwe? Wat wurdt fertsjustermoanne, wat ferdraaid, wat moaier makke, wêr wurde eleminten tafoege dy't noait bestien hawwe en wêr giest omlizzen foar de skamte? Mei oare wurden, hoe krijst literêr grip op de tiid fan in fjirtich of fyftich jier lyn! Ast sokke oantinkens skriuwst fanút it jonkje, it personaal perspektyf, kinst heel maklik in berneboek krije, sjoch bygelyks myn It geheim fan de 7 Moskeflappers [19741, 19962]. Fertelst oantinkens út in auktoriaal perspektyf dan kinst it gefaar rinne datst tinzen ynlaskest dy't sa'n bern fan acht of tsien jier noait betinke kin. Dat skriuwproses is heel muoilik, mar as it slagget yn de taal fan de folwoeksenen is it literatuer wurden en gjin slochtweihinne “Bekentenisroman”. It hat te krijen mei de gefoelens fan in bern en deselde, oare, dêr't ik dan in fraachteken achterset, gefoelens fan in folwoeksene. It magise kontra de kontrolearjende sinsuer, ek yn gefoelens. Yn dizze roman haw ik besocht de “wreedheden” dy't De Lytsk meimakket yn Snyp te ferbinen mei de ûnderfiningen fan De Grutsk en Ika-2, as folwoeksenen. De titel fan de resinsje fan Kees 't Hart wie “Piksjitters heb je overal”. Hy hat dus heel goed lêzen, want it is ien fan de kearnpunten fan de roman. In folwoeksene, lykas De Grutsk, lykas Ika-2, stiet fakentiids net mear ferbaasd sa't De Lytsk dat wol faak hie. Ast as folwoeksene ek noch ferbaasd stiest kinst mar better ferdwine yn in omkearde wrâld of feroarje yn in mânskgrutte bargebongel of gewoan gek wurdt. It oerkomt Ika-2. Piksjitten as metafoar foar de wedstriden en gefjochten yn Snyp jildt dus ek foar de wrâlden fan De Gruts en Ika-2. Dêrtroch is dizze roman èk in groteske en yn syn gehiel in essay oer de maatskippij. Literêr en net sosjologys-kultureel-antropologys. Foar De Grutsk is Piksjitten op Snyp, ien lange tango en dat is fansels ek in aardige opsje. Grutskiaans soe'k sizze.’

Yn Piksjitten op Snyp, diskussearje de twa skriuwers oer de hjoeddeiske kritisy. Hoe is De Haan syn oardiel oer de literêre krityk yn Fryslân en dan benammen oer de resepsje fan Piksjitten op Snyp? ‘Omrop Fryslân neamde de roman op seis jannewaris skythúspapier. It frommiske dat de roman bespruts, Elly Veltman, sei “pleepapier” en dan witte je al hoe't sa'n ien oer har eigen kont tinkt. Mar hawar, dat is har saak. Ik haw har betanke foar it besprek, yn de foarm fan in ekstra haadstikje fan de roman en earst oerlein mei De Lytsk, De Grutsk en Ika-2:

Trotwaer. Jaargang 32 De Lytsk sjocht yn gedachten noch faak stikjes papier fan de radiogidsen yn de dwinger fan Snyp

Trotwaer. Jaargang 32 339

driuwen. Dy gidsen waarden op sneontejûn troch in soad Snypsters yn fjouweren knipt, sadat se sneins mei in skjinne kont nei tsjerke, nei 't keatsfjild of nei de merke koene. Yn Snyp hiest fjouwer soarten, de Roomse fariant kaam eins net foar: 1. de avroboade; 2. de varagids; 3. ncrv-boadskip; 4. de vrije vpro-lûden. De nûmers 1 en 3 joegen nei it brûken kontkoarts. Dat lei him oan de inkt, boppedat wiene se te glêd. De lju dy't dat papier brûkten fytsten dan ek steande, omdat se it sadel net ferneare koene. Se moasten elke dei mei de kont yn sterilisearre wetter. De Lytsk adfisearret Jo, frou Veltman, kontakt op te nimmen mei de printer yn Boalsert. Dy wit oft Jo it papier fan dizze roman brûke kinne. Hy soe net graach wolle dat Jo helendal sterilisearre troch it libben moatte. It lêzen fan sokke romans kin yndied gefaarlik wêze foar fetbere konten. Fansels, Jo hawwe gelyk, noarm en fetsoen binne drege saken, mar Jo sitte yn goed selskip: 1. Schurer oer leafdedea; 2. Tamminga oer de “dokwurker” Miedema; 3. Algra en Schurer oer Reve, Wolkers, Cremer ensafuorhinne.

Lykas yn de roman oansnijd wurdt soe literatuer nèt mei etise/moralistise kalvinistise fatsoensnoarmen hifke wurde moatte, mar mei literêre noarmen. Yn Fryslân bart dit noch faak net. Diskusje hat dus gjin doel. Yn 't algemien kinst sizze dat de resepsje yn Fryslân ferrint sa't Babs Gezelle Meerburg yn har dissertaasje bleatlein hat: beheind. koartsichtich, net-erudyt, lytsskalich en foaral net literêr-psychologys. Ast de analytise wize fan besprekken en beskriuwen fan dizze roman troch Kees 't Hart njonken dy fan Fryske besprekkers leist, dan sjochst it ferskil. It ferskil tusken literêr besprek: ynhâld, foarm, taalgebrûk, perspektiven, narratyf ensafuorthinne. En it beheinde oerflakkige fan lju dy't net witte wat se der mei moatte, lulk wurde, folslein op

Josse de Haan op it sulveren jubileumfeest fan de Koperative Utjowerij op 25 maart 1995 yn Kûbaard. De foto is om 16.35 oere nommen troch Henk van der Veer.

'e doele reitsje of yn har boargerlike fatsoensnoarmen rekke binne. Respektyflik Jabik Veenbaas, Klaas Jansma en Elly Veltman. My is opfallen dat lju dy't aardich op 'e hichte binne mei literatuer, foaral de Nederlânstalige, en sels skriuwe, lykas 't Hart, folle breder en ynkringender reagearje as de lju dy't hast neat fan de Nederlânse literatuer witte. Iksels bin as skriuwer foaral foarme troch de Nederlânse literatuer en letter troch bûtenlânse skriuwers. Soks hat syn wjerslach yn sa'n roman.

Trotwaer. Jaargang 32 No, dan sitst wer presys yn de teoryen fan Babs Meerburg. Ik freegje my wolris ôf, oft der

Trotwaer. Jaargang 32 340 dan neat feroare is sûnt de begjinjierren sechstich, dêr't har dissertaasje spilet. Kinne se net oars, wolle se net oars, of binne de minsken der net foar? Sa'n boek fan Meerburg hie dochs in eye-iepener wêze moatten.’

De beide skriuwers yn Piksjitten op Snyp diskussearje net allinne oer literatuer, se hawwe ek al in miening oer de besprekker fan de roman: ‘It besprekken fan dizze roman sil ek altiten wat sizze oer de besprekker sels. Negatyf of posityf, oer syn geilheid en oer syn geldens.’ (s. 135) De Haan: ‘It klinkt miskien arrogant en pedant, mar eins wist ik al doe't ik mei de roman dwaande wie hokker reaksjes der komme soene. Yn de roman sels haw ik dêr al op ynspile. Jelle Krol en Jabik Veenbaas hiene al trije boeken fan my nei de kloaten skreaun, en fan Hylke Tromp hie 'k ek net sa'n hege pet op doe't er my fan kweade trou beskuldige yn syn radioportret [april 1993]. Yn myn blêd ip2r90 hie ik Krol ûnder de namme Krollo alris ûnder it mes hân. En fierder haw ik fansels yn dat blêd moai aardich wat ego's en lange teannen byslipe. Myn krityk op guon oersettingen yn de Spiegel van de Friese poëzie en op it sa foarsichtich kalvinistys karakter fan dat boek hie Veenbaas my fansels net yn dank ôfnommen. Hy woe skoare mei syn oersetting. Yn feite is de stelling dy'tsto oanhellest, bedoeld foar Krollo, even kidelje no, even de kul opstrike en sa, mar dy waard ynwiksele foar Veenbaas, dy't eins noch kosmiser is en dus koe it allegear moai stean bliuwe. De kritisy binne der mei iepen eagen ynrûn, sjoch ek mar yn wat ik yn Trotwaer nûmer 3 fan dizze jiergong hjiroer skriuw. Oft De Bik yn de roman op Veenbaas liket hat er sels al bleatlein en of De Jelluk op Krol liket lit ik fierder mar oan de fantasije fan de lêzer oer. De “geilheid” hat hjir te krijen mei de eventuele reaksjes op de pornoferhalen, èn mei de geile langst dit boek sa fluch mooglik te kreakjen. En geil wie Veenbaas! Geldens slacht dus op de breklike en amateuristise wize fan in besprek. In geld aai is in steryl aai, en dêr kinne de trije Frysktalige besprekkers har no mei lykskeakelje. Se sille it sterile wetter ynwikselje moatte foar sterke drank en gewoan op it sadel sitten gean. Mar kosmise sadels? Ik wit net, ik wit net, binne dy wol soepel genôch?’

Jabik Veenbaas skriuwt yn syn resinsje [LC 15 oktober 1999]: ‘Mei syn teory fan de kosmyske gearspanning bout De Haan in wrâldbyld op dat oan alle kanten kreaket en rattelet: hy mjukset kultuerkrityk, persoanlike rankune en mistige paranoia troch elkoar ta in tsjokke grize brij, dy't benammen ûnfertarber wurdt omdat er sels sa ferskriklik normearjend is, sa gelykhawwerich, sa dogmatysk.’ Dat liicht der net om. De Haan: ‘Noam Chomsky, Lolle Nauta, Steven de Jong, Benny Holtrop, Josse de Haan en oaren binne troch Jabik Veenbaas as ûnbelangrike wittenskippers en/of skriuwers de marzje ynskreaun. Fan it besprek fan Piksjitten op Snyp moast Veenbaas op útdruklik fersyk fan de LC de helte skrasse. Wat oerbliuwt is de stelling dat de twa haadpersoanen-skriuwers op in stuit yn de skriuwer-sels feroarje en dy skriuwer transformearret Veenbaas letter ta Mike Tyson, wrâldkampioen boksen en reper fan famkes. Noam Chomsky wurdt troch Veenbaas omskreaun as in marksistys sekje en Chomsky doocht net omdat er de term WASP [White Anglo Saxon Protestant] betocht hat. Dus doocht de skriuwer dy't Chomsky oanhellet yn syn roman ek net. De rjochtse Amearikanen ferachtsje de Joad Chomsky mei't er elke kear wer it ymperi-

Trotwaer. Jaargang 32 341 alisme fan dyselde WASP's oan de oarder stelt. Dat sit net yn de roman. Lolle Nauta komt net foar yn de roman, mar dy is foar Veenbaas fansels ek te marksistys. Ik stel fêst dat de rjochtse rotten no út de rioelen komme, no't it praktise marksisme de slach ferlern hat, en dêrtroch tinke dat se “marksisten” as Chomsky en Nauta sûnder gefaar op de rûchskerne smite kinne. No, sok selskip bin 'k net fiis fan. Soksoarte fan kritisy as Jabik Veenbaas falle allegear gear yn de twa kritisy yn de roman, De Bik en De Jelluk. It binne de Piebenga's, oer Wytsma, Holtrop en Laverman. De Trompen oer Komrij en Bylsma. De Veenbazen oer Holtrop, De Jong en De Haan. Dy Piebenga's, Trompen en Veenbazen hawwe in tik meikrigen fan dat machtstinken fan de WASP's, dy nazimentaliteit hast, omdat se sels skriuwsteryl en geld wurden binne. Günter Grass hat syn eigen achterfolgerkritikus dy't syn boeken yn it iepenbier op de televyzje yn twaen skuort, yn Fryslân begjint it dy kant ek út te gean, mei as absolute djiptepunten it kealskearen fan Laverman en it besmoargjen fan Komrij mei anty-homoseksuele stront. Yn Piksjitten op Snyp wurdt dy mentaliteit yn in pear siden oan 'e oarder steld. Onder professoren fan Hermans tsjinne as foarbyld.’

De negative lûden op Piksjitten op Snyp, alteast yn 'e optyk fan De Haan, komme út Fryslân. Folle positiver binne de reaksjes fan bûten de provinsje. De skriuwer hat dêr wol in ferklearring foar. ‘Ik tink dat soks te krijen hat mei it peil fan de literêre krityk hjirre sa't ik dat niiskrekt oanjoech. Dat peil is leech, amateuristys en net literêr. In foarbyld is de resinsje oer It krantefamke fan Wilco Berga yn Trotwaer nûmer ien fan dit jier. Dy hat gjin inkeld nivo. De besprekster wol Berga noch wat goeie riejouwings jaan, as skreau hy foar it earst. Soks hat neat mear mei literêre krityk te krijen. Berga kin it net iens as “pleepapier” brûke. Fierder is it wrâldsje yn Fryslân wol heel lyts. Ast polemys skreaun hast, lykas ik, dan witst by definysje dat se earst nei de persoan sjogge en dan nei it wurk. Lês Tromp syn Spikers & Koppen [1998] der mar ris op nei. Bûten Fryslân lêze se allinne it wurk. Besprekkersfouten dêr't de skriuwer lykskeakele wurdt mei de haadpersoanen en omtovere ta in bokser komst yn Hollân net tsjin. Lju dy't allinne mar Fryske literatuer lêze, of oersette, hawwe fansels in beheind gesicht. Ik hoopje dat jongere generaasjes it wat objektiver oanpakke, foaral mear literêr. Eric Hoekstra, mei syn tydskrift M3, is goed dwaande. Dat myn wurk yn it westen positiver ûntfongen wurdt, kin der ek mei te krijen ha dat myn tema's de lju dêr mear oansprekke. Nettsjinsteande dat se de Fryske skriuwers-kaaien net benei komme kinne, fine se it sûnder dy ynformaasje al in spannend en bysûnder boek.’

Hoe sit it mei de oersetting fan it boek? ‘Op 6 april haw ik mei de top fan Meulenhoff in petear hân. Sij wolle it boek útjaan op grûn fan de Nederlânstalige resinsjes en advizen fan in pear literatuerpausen. Ien fan de di rekteuren is dwaande en lês de roman mei it Frysk wurdboek yn 'e hân. Mei't ik yn it Nederlânse sirkwy gjin bekende namme bin en de roman mei syn goed fiifhûndert siden útsûnderlik grut is, hawwe se finansjele stipe nedich fan it Literêr Oerset- en Produksjefûns en fan de provinsje Fryslân. Dy kontakten hawwe se al lein en neffens de útjouwer like dat frij posityf.

Trotwaer. Jaargang 32 Der moat no in oersetting komme, troch ien of twa oersetters. It Produksjefûns tocht oan Veenbaas, mar dy hat him fansels al folslein

Trotwaer. Jaargang 32 342

ûnmooglik makke. Sa'n oersetter moat affiniteit ha mei it wurk èn mei de skriuwer. Mei de lêste sil er ek gearwurkje moatte, en dat moat er ek wolle. In proefoersetting fan in diel kin útwize wa't geskikt is. Dat oersetten sil wol in moanne as acht duorje. In 2001 soe de roman dan yn it Nederlâns ferskine kinne. De titel bliuwt Frysk, of wy nimme de Ingelse titel, Pigshooting on Snyp, dat de ynhâld ek wol dekt. Meulenhoff hat my útdruklik sein dat se net allinne boeken útjouwe, mar foaral skriuwers. Mei oare wurden, as Piksjitten op Snyp wat rint ha se it doel en jou noch mear fan my út. Earder ferskynde romans en nij wurk. By har moat in skriuwer him ree ferklearje en besteegje in trije moanne oan promoasje per boek. It copyright fan myn boeken haw ik altiten sels yn hannen hâlden. Dat bliuwt ek no sa. De útjouwer krijt de lisinsje foar ien of mear printingen. Dêrtroch koe ik sels ek de petearen hâlde. Foar de KU moatte in pear persintaazjes reservearre wurde. Dy finansjele aspekten rinne fia de offisjele VVL-kontrakten.’

Simmer 2000: in feestje foar ússels? (4)

Soms, in de winter, na een lange nacht in Leeuwarder cafés, die nooit dichtgaan als je de juiste momenten van vertrek en aankomst uit weet te zoeken, lopen we wankelend over de Eewal naar huis, dwars door de oude stad, langs de gedempte gracht die hier toch altijd gracht gebleven is, het is nog donker, lantaarns branden nog, het is muisstil, af en toe klinkt de verwarde schreeuw van andere dronkelappen, of waren we het zelf, bladeren suizelen, huizen staren somber voor zich uit, spiegelramen met gezichten van bomen, takken gaan naar ons bewegen, we raken de tegels op de grond trefzeker en zonder erbij na te denken, steekt daar een wind op, het is de regen die ons aan het glinsteren maakt, mensen tussen huizen, mensen onder licht, hier waren we gaan wonen, we zijn eindelijk alleen, dan staan we stil en wachten tot we verder gaan, zullen we naar huis gaan, zeg je, we gaan naar huis, zeg ik, zullen we nog even wachten, we wachten nog even, we zijn bladeren tussen bladeren, huizen tussen huizen, we waren glinsterend van het water, we houden elkaar vast en wachten tot een van ons het teken moet gaan geven, Eewal midden in de stad is lichaam van onze zielen. Zullen we naar huis gaan? Kees 't Hart

Trotwaer. Jaargang 32 343

Net ferfelend mar ek net bysûnder Elly Veltman

Sikke Doele, De Gouden Teeman. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1999. f 27,50.

Yn syn debútbondel De Gouden Teeman nimt Sikke Doele de lêzer mei nei de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarige ieu. De ferhalebondel is alhiel te pleatsen in it ‘sprútsjesrealisme’, dat op 't heden yn 'e Nederlânske (mar ek yn 'e Fryske) literatuer tige yn 'e belangstelling stiet. Lyste, ûnbenullige foarfallen fan in húshâlding of fan in haadpersoan wurde sûnder watfoar pretinsjes ek útfergrutte en meitsje fan de lêzer in soarte fan húskeamerfoyeur. Skolperich wurdt skreaun oer it deistich libben fan in haadpersoan en de lêzer driuwt mei op de weachjes fan it (wat sleauwe) ferhaal. De ferhalen fan Doele binne net ferfelend, se lêze noflik, de styl is flot en de taal is maklik, mar de bondel spattert en sprankelt net. Yn it iepeningsferhaal ‘De Webster Chicago’ wurdt mei it jild út it erfskip fan muoike Ingel in spiksplinternije wire-recorder (in soarte fan bânrecorder) kocht. De triedopnimmer wurdt û.o brûkt foar in sprútsen briefwiksel mei ‘omke’ Thomas dy't yn Amearika wennet. Troch de briefwiksel komt der in lyts famyljedrama oan it ljocht, mar nei't dat útpraat is binnen de famylje, is de aardichheid fan it apparaat der gau ôf en wurdt de recorder ferkocht. Fan de opbringst wurdt in radio kocht, mar dan kundiget him in oar drama oan. Benammen de opbou fan it ferhaal is bêst, it is hecht fan struktuer en it falt yn de slotalinea as in kreaze puzzel ynelkoar. De sfear is leaflik en guodlik en bytiden in glimke weardich. Minder slagge is it titelferhaal ‘De Gouden Teeman’. Reinder wol syn tante Reina in hak sette om't se de húshâlding terrorisearret mei har smetfrees. It pakt oarsom út, net tante Reina mar Reinder sels krijt it lid op 'e noas. It ferhaal soe grif in plakje krije kinne yn John Lantings Theater van de Lach. Ek de ferhalen ‘De Sollicitant’ en ‘De Snelbrommer’ binne meager fan opset, wylst it slotferhaal ‘De Portrettist’ wol wer aardich is. It spilet him ôf yn 'e sechtiger jierren, krekt as de twa earder neamde ferhalen. De studint Sjoerd lift mei in Dútser mei nei Kopenhagen. Hy hat net folle jild mear en hy is dan ek tige ynnommen mei it foarstel om de dochter en de pakesizzer fan de Dútser op portret te setten. Neidat it portret fan it bern goedkard is, set er útein mei it portret fan de dochter. Under it tekenjen fantasearret er dat er mei har frijt en ûnbedoeld(?) wurdt it portret skerper en arroganter. De dochter en de heit meie it net lije en Sjoerd krijt syn jild net. It meast spannende en útdaagjende ferhaal is ‘De Nolinks’. Reinder wurdt foar it earst fan syn libben konfrontearre mei it begryp ‘Burgerlijk’. It is de artistike Eva Nolink dy't him de eagen iepenet. Se bringt him yn 'e kunde mei de poëzij fan de fyftigers, se fervet it hûs fan syn heit en mem yn heldere kleuren en drinkt wyn by it iten. Se liket mei har man Hugo in iepen en goed houlik te hawwen, mar dat blykt net sa te wêzen. Foar Reinder is dat allegearre och sa nijsgjirrich, mar ek betiizjend. Hy rint fuort... Yn it ferhaal wurdt hiel subtyl beskreaun hoe't Reinder wrakselt mei syn puberteit en hoe't er him oan de iene kant ôfset tsjin syn

Trotwaer. Jaargang 32 344 heit mar oan de oare kant syn heit ek nedich hat. Benammen de útwurking fan de heit is goed slagge: yn dit ferhaal is de heit net allinne ‘de baas’, ‘ien dy't altyd gelyk hat’, mar ek in twiveljende, in leafdefolle heit. Psychologysk sjoen is dit ferhaal it bêste útwurke en dêrtroch(?) ek it meast hilaryske ferhaal.

Wat foaral opfalt yn de bondel is de ûntmytologisearring fan de sechtiger jierren. Yn ‘De Sollicitant’ komt dit it moaiste nei foaren as de haadpersoan himsels ôffreget, wannear't er wer thús is nei in besite oan Amsterdam: ‘Wurdt hjir [yn Ljouwert] eigentlik wol libbe?’ It is sa'n synyske fraach neidat bliken docht dat de besite oan de haadstêd (it Walhalla fan de jierren sechtich yn Nederlân) alhiel sinleas west hat en neat sa doelleas wie as in striptease fan in tsiental minsken dy't elkoar net koenen en nei de happening elk syn of har wei giene, sûnder wat te sizzen. Wat in frijheid! Al mei al is de bondel net ferfelend mar ek net bysûnder. De lucht fan sprútsjes hat ek net myn foarkar.

Simmer 2000: in feestje foar ússels? (5)

Pylger & reis

It Simmer 2000-barren is my ûntgien. By de iepening wie ik op reis en doe't ik wer thús kaam siet my dy reis noch te folle yn 'e holle. As ik yn de Pyreneeën west ha dan duorret it moannen foardat ik wer wend bin oan horizontaal Fryslân. En haw ik yn de Extremadura omkroaske dan duorret ek hiel lang foardat greide-mei-kij op myn netflues hâldfêst fynt. Diskear hie ik in grut part fan myn fakânsje trochbrocht èn yn de Pyreneeën èn yn de Extremadura. Om earlik te wêzen de kop stiet my noch hyltiten ferkeard foar Slachtemaratons, iepenloftspullen of opera's. Om noch earliker te wêzen, kuiertochten, iepenloftspullen en opera's wie 'k al nea sljocht op. En dan dat pylger-idee, dat is der neffens my fier bytroch. Huub Mous jout yn it boekje Pylgers nei Fryslân in moai oersjoch en in aardige útlis fan pylgerreizen. Mar it slagget him net om fan de Simmer 2000-emigranten pylgers te meitsjen. It is in tè optocht kader. Fan skuld en boete yn religieuze sin is gjin sprake. De emigranten komme fanwege it feest, út nostalgy, mar net om harren gewisse te himmeljen. Hja hawwe dochs neat misdien? Nee, Simmer 2000, it seit my neat. Hurdfytsen ek net. Dochs seach ik alle dagen nei de Tour de France. Om noch even wer in glimp op te fangen fan dy ûnbidige bergen, fan dy stedsjes en doarpen, dêr't ik op it plein by de tsjerke baguette & jambon iet. Mei Pantani, Armstrong en Zülle sette ik middeis de klok even tebek. Willem Winters

Trotwaer. Jaargang 32 345

In grut dichterman? Cornelis van der Wal

Tsjisse Hettema, It eachwyt fan de simpele rider. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 48 siden. f 19,50.

Wat moat in besprekker oan mei in bondel dy't allinnich mar wjersin by him opropt, elke kear as er it boekje ynsjocht. Jo soene sizze kinne: lit dan mar in oar it wurk dwaan en meitsje jo eigen libben en dat fan de auteur net sa soer. Lykwols: de (myn) wierheid moat sein wurde. It eachwytfan de simpele rider fan Tsjisse Hettema is syn earste offisjele ûtjefte; Hettema hat al earder in bondel yn eigen behear útjûn, it lêzen dêrfan is my besparre bleaun. Jo sjogge it daliks: dizze bondel is ‘fout’. In freeslik omslach en in beroerd lettertype. De ynhâld soe de saak fansels noch rêde kinne, mar as in bondel begjint mei de rigel: ‘wat is it nijs dat nijs is dat âld wurdt’ dan is it hast al oer wat my oanbelanget. Fansels haw ik wol fierder lêzen, mar sa'n flauwichheid, puberale djipsinnichheid bedjert foar my in soad. Mar hawar, sûnder foaroardielen besjogge wy bygelyks it fers ‘Suvere’ (s. 13):

naturel dyn boarsten karamel dyn kut

it soel yn dyn skamtehier jaget fan moarnsdauwe nei stjalpige tongerrein

lit myn tonge dyn tongerbui heine

lit myn tonge it hynder wêze dat grutsk dy dynje lit

do mei dyn tosken teskoar yn myn fel

Wat moat dy ‘kut’ dêr no? As dit in leafdesferklearring is, dan soe ik de ferkearing dalik útmeitsje. Net dat ik skokt bin of sa, mar it kin gewoan net, sa'n wurd te brûken yn in gedicht. Ik priuw (jaja) hjir wer in beskate puberalens by de dichter. Grow up, soe 'k sizze! Hettema hat sa't it liket alhiel gjin doel oer wat der nedich is en skriuw in goed fers. Hy hat te lijen fan in krupsje dy't yn de foarige ieu de wrâld ynstjoerd is: elkenien kin dichtsje! In pear rigels, wurden ûnderinoar en klear is it fers! Noch mar in foarbyld: ‘Besetter’ (s. 28):

gjin romte om te sykheljen gjin plak om de mouwe oer dit rêsteleaze yn my hinne te heljen

Trotwaer. Jaargang 32 gjin amme om myn namme yn de holte fan myn hân te blazen

allinnich hastige drippen wurklikheid dy't fan myn lippen spatte

Mei in bytsje goede wil is it lêste enzjambemint

Trotwaer. Jaargang 32 346 noch wol te ferdigenjen, dat jildt lykwols net foar de rest fan dizze ‘dicht’rigels. Jo sykje yn de bondel ek omdôch nei melodieuze passaasjes, of moatte wy ‘amme - namme’ hjirûnder beflappe? Wat de saak der net better op makket is de moedeleaze, passive sfear dy't út de bondel opstiicht. Ofsjoen fan it krekt sitearre fers in pear foarbylden: ‘wurge mûlen’ (s. 7), ‘warleaze taal’ (s. 7), ‘it ivich wurge’ (2x, s.9), ‘ympotint’ (s. 11), ‘myn sachte wapens’ (s. 16) ensfh. Yn ien opsicht hat dizze bondel al wat aparts: it is tige opfallend hoefolle ‘fuotten’ deryn foarkomme. Dêr binne se: ‘myn grutte fuotten’ (s. 7), ‘myn fuotten’ (s. 8), ‘bestraffende fuotten’ (s. 11), ‘dyn machtich moaie fuotten’ (s. 18), ‘in foetproteze’ (!) (s. 24), ‘syn fuotten binne buizen’ (s. 44). Sa bringt dizze bondel dochs wat nijs yn 'e Fryske literatuer: it fuotfetisjisme! Ta beslút sitearje ik it befrjemde en nijsgjirrige gedicht ‘Serieus’ (s. 10). Tige apart yn syn bylden, mar spitigernôch wat my oanbelanget de iennige geunstige útsûndering yn dit tryste gehiel.

ik fiel it topke fan myn iisberch hearlik tekear gean yn it achterste fan in oar hiel bekend grut dichterman

sacht glêd sûnder hier sûnder behindering om troch te gean nim ik, eskimo myn grutte taak op my om dizze dichterman bleat te lizzen

mar al sa bonkendewei slagget my neat ik bin allinnich mar hymjend myn noasdrip de baas

Hettema ropt hjir in grut riedsel op: wat bekend dichterman mei dit wêze? Wa fielt him oansprutsen?

Trotwaer. Jaargang 32 347

Moard yn Fryslân Doeke Sijens

Jo Smit, Wês foarsichtich, Watse! Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 20002 (Fryske Klassiken II, nûmer 8). Besoarge troch Tr. Riemersma. 151 siden. f 22,90.

Frans & Tineke Steenmeijer, Moard yn it Provinsjehûs. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1999 (Gurbe-rige nûmer 152). 240 siden. f 28,50.

Sietse de Vries, De dea fan Nico Dekema. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1999 (Gurbe-rige nûmer 153). 144 siden. f 25.

Doe't yn 1941 de earste Fryske detektive útkaam, frege Jan Piebenga him yn It Heitelân ôf: ‘kin dat, mei dat, moat dat?’ Hy soe him fernuvere ha, hie er witten dat sok ‘slop spul’ it ienris bringe koe ta in ‘klassiker’. Detektives binne allang gjin útsûnderingen mear yn 'e Fryske literatuer en soenen fansels likegoed as oare boeken klassyk wêze kinne. Mar wêrom't no krekt Wês foarsichtich, Watse! fan Jo Smit foar de rige fan de Fryske Klassiken útkard is? Nei dy earste Fryske detektive, Sjoerd van der Schaaf syn It geheim fan de Greate Wielen, wie der oan moardboeken net folle bysûnders mear útkommen. Al wie it as detektive minder goed slagge as bygelyks Trinus Riemersma's De moardner komt werom (1967), Jo Smit syn boek hie yn 1968 wat opfallends, wat moderns. It boek siet fol literêre grapkes. Dêrtroch is it in soad lêzen troch minsken dy't ornaris gjin moardboekjes pakten. Dat it oan de (eartiids) ferneamde professor Galama opdroegen wie, sil ek wol holpen hawwe. Wa't it boek tritich jier letter lêst, moat tajaan dat it noflik lêsber is, mar mear as in relikwy is it net. Foaral it simpele detektive-elemint falt ôf. Jo Smit is oan it boek begûn - sa giet it ferhaal - út ûnfrede mei in koart ferhaal fan Trinus Riemersma (‘De hoeder’) dat er yn De Tsjerne lêzen hie. Smit syn argewaasje wie sa sterk dat er syn boek yn fjirtjin dagen ôf hie. Eins is dat net te leauwen. Smit hie noch nea in roman skreaun en neffens de besoarger fan dizze nije útjefte sitte der yn it hânskrift fan it boek ek noch amper trochhellingen en ferbetteringen! Noch in myte dy't by dit boek heart? Smit hat foar syn boek as haadpersoan in privee-detektive keazen, Watse van der Laan. Smit is wol sa ferstannich om net te ferklearjen hoe't ien mei dat fak in bestean ha koe yn it fredige Fryslân. Detektive Watse komt oan it begjin fan it boek werom fan fakânsje en lêst yn 'e krante dat syn freon Saling troch de hûn fan in prostituee deabiten is. Ek it frommeske is troch har hoeder ombrocht. Watse hâldt út dat dat net wier wêze kin. Saling wie ommers fersein oan Geldau en hoegde grif net nei sokke froulju. Hy giet op ûndersyk út. It fierdere ferhaal ferrint dan frijwat foarsisber, suver as in Kuifje-ferhaal. Watse komt in drugsbinde op it spoar, dy't syn freon en de hoer fermoarde hawwe. Der giet noch in man dea, Watse wurdt finzen hâlden, de sjoernalist dy't it ferhaal yn 'e krante set hie (Rinus Tiemersma) wurdt ûntmaskere as it brein efter de binde. Yn 'e rin fan it ferhaal treft Watse in tal nijsgjirrige figueren, benammen Sibrich Stelpstra. Dizze frou skriuwt detektives yn it Hollâns, mar hat by de KFFB De

Trotwaer. Jaargang 32 348 sulveren teetsjettel publisearre. Dit soarte fan grapkes wienen doedestiids fansels tige aardich, lyk as de Ella Wassenaer-eftige fersen fan Sibrich (‘O lis my neaken op in stien’). Jo Smit soe neffens de besoarger fan dizze klassiker syn haadpersoan modellearre hawwe nei doedestiids populêre boeken oer Mike Hammer fan Mickey Spillane. Mear noch hat Smit - sa liket my - de keunst ôfsjen wollen fan masters as Hammett en Chandler. Benammen de lakonike wize fan skriuwen hat in soad fan de styl fan dy beide mannen. Yn fergeliking mei har haadpersoanen is Watse lykwols gjin nijsgjirrige figuer. Sa drinkt hy wol aardich wat en sit er ek wol efter de froulju oan, mar de gefolgen binne net sa desastreus mankelyk as by Sam Spade en Philip Marlowe. It iennige bysûndere oan Watse is dat er jûns ear't er op bêd giet de Rimen en Teltsjes lêst. Mooglik in ferklearring foar it perfekte Frysk fan it boek? Trinus Riemersma hat it boek treflik besoarge. Yn it neiwurd behannelet er alle aspekten dy't men oer it boek betinke kin. Hy hat ek, mei help fan Harry van Borkulo, in tal flaters yn 'e koaden fan de krantestikken, dy't essinsjeel foar it boek binne, ferbettere sadat de yntrige no teminsten slút. Op de omslach fan de klassiker wurdt Riemersma syn eigen ferhaal ‘De hoeder’, dat oan it begjin stie fan Jo Smit syn boek, in ‘misbeteard ferhaal’ neamd. Dit oardiel sil grif net fan Riemersma sels komme. Oars hie er it ferhaal dochs net opnommen yn syn ‘best of’, In fearn hûndert ferhalen (1996)?

Twa resinte Fryske detektives binne eins folle nijsgjirriger as Wês foarsichtich, Watse! Sa is Moard yn it Provinsjehûs fan Frans en Tineke Steenmeijer in sekuer skreaune, klassyk opboude roman. It boek begjint mei de moard op in deputearre, Fons van Thorn fan de Gezond Verstand Partij. De wize dêr't dit bart op komt wakker ûnwierskynlik oer: hy wurdt deasketten troch in lyts gatsje yn it plafond fan de kolleezjeseal. Mar de beskriuwing fan hoe't de plysje de saak utsiket en oplost is oertsjûgjend. Haadpersoan fan it boek is ryksynspektuer Doede Deschesne, dy't op in deeglike wize alle stikjes fan de puzel by inoar siket. It boek is licht satirysk oer it hâlden en dragen fan de polityk. It echtpear Steenmeijer hat aldergeloks net besocht it aksint op dat politike aspekt te lizzen, mar jout alle oandacht oan de eftergrûn fan de moard. Dat plysjeman Dechesne - lykas beide Steenmeijers - in Havankleafhawwer is, is ek sawat de iennige literêre ferwizing yn it boek. It ferhaal jout in soad nijsgjirrige details oer it wurk fan de plysje en de minsken dy't by it ûndersyk foarby komme, wurde goed typearre. Opfallend is ek yn dit boek it perfekte Frysk. Soenen ymport-Friezen as Smit en de Steenmeijers mooglik mear war dwaan op harren Frysk? As wie Moard yn it Provinsjehûs troch minsken fan de Akademy of de hiele stêf fan de Afûk neisjoen, sa geef is it. Sietse de Vries syn twadde detektiveroman De dea fan Nico Dekema is minder klassyk fan opbou as Moard yn it Provinsjehûs. Yn syn boek stiet de psychology fan de minsken, dy't mei de dea fan Dekema te krijen hawwe, sintraler as de yntrige. Opfallend is bygelyks dat, al wurdt in hiel drugssirkwy troch de plysje ûntdutsen, de moardner fan Dekema frij omrinnen bliuwt. Allinnich de lêzer wit wa't it dien hat. De deafan Nico Dekema is in fernimstich skreaun boek. Handich skeakelt de skriuwer tusken de plysjemannen en de bekenden fan Dekema dy't ûnder fertinking

Trotwaer. Jaargang 32 steane. Sa wurdt in trageedzje oan it ljocht brocht, dêr't de plysje temin each foar hat, om't sy drugs no ienkear

Trotwaer. Jaargang 32 349 nijsgjirriger fynt as minsken. De plysje is yn dit boek sa't men der ûnderfining mei hat of yn 'e krante oer lêst: bytiden sleau, traach en bliid mei elke fynst. It detektive-elemint is by einbeslút net it meast slagge part fan it boek. Namste mear binne dat De Vries syn typearringen fan de freonen fan Dekema, benammen grienteman Vladimir Walstra. Syn klanten ferwachtsje fan him dat er in miening hat oer alderhanne trendy nije boeken ('t Hart, Hemmerechts, Roth) en de man sit dan ek elk momint dat er frij hat te lêzen. Mar ek by oare figueren kin De Vries syn satirysk talint kwyt. Oars as de wat flauwe grappen yn Wês foarsichtich, Watse! is humor foar Sietse de Vries de mooglikheid syn figueren mei mear distânsje te beskriuwen mar ek om op dy wize it ferhaal mear djipgong te jaan.

Simmer 2000: in feestje foar ússels? (6)

Twa kanten

In reuny hat altiten twa kanten. In âlden, jo sjogge minsken werom, en in nijen, jo sjogge hoe't it der hjoed de dei foarstiet mei de omjouwing fan eartiids. Op it foarste plak stiet it weromsjen, jo fine it moai âlde freonen op 'e nij te sprekken en op te snijen oer hoe bêst at de bern telâne kommen binne. Dêrneist wol de organisaasje harsels fansels op syn foardielichst sjen litte mar boppedat oantoane dat yn har gefal de tiid ek net stilstean hat en dat it doarp, de skoalle, de feriening har eigentiidsk ûntwikkele ha. En it moat ek in bytsje leuk wêze fansels. Dan leit der al gau it gefaar fan falske romantyk. Mar de gedachte oan in grutte reuny fan Friezen hat sa ynspirearjend wurke dat der alderhanne kreative en kulturele úterings fan kaam binne en hiel Fryslân oeralhelle is. Derby is nea út it each ferlern dat it yn it foarste plak om de emigranten en de oare ferlerne soannen en dochters gie. Men koe dat ek sjen oan tal fan eveneminten, lykas de iepeningsseremoanje, de doarpsreuny's, de Boonstra-reuny yn Aldeboarn, meartalige tsjerketsjinsten en de Slachte-maraton. Al in pear dagen nei it iepeningsbarren op it Saailân seach ik, ûnderweis nei myn wurk, in boat mei allegearre Kanadeeske flachjes. Ik ha eefkes toetere. Dat dy minsken hjir sa'n brûzjend barren oantroffen hie folle mear om 'e hakken as in leafdesferklearring fan de Friezen oan Fryslân. It wie in bewiis dat de gastfrijheid en hertlikens hjirre djip sitte. Moai om soks mei te meitsjen. Cor Hofstra

Trotwaer. Jaargang 32 350

Twakear itselde is ienkear tefolle Tr. Riemersma

Cor de Boer (samenstelling), Simmer 2000 Highlights, Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 112 siden, f 35.

Bij/By een/in dubbeltalige/dûbeltalige uitgave/útjefte meerderheidstaal-minderheidstaal/mearderheidstaal-minderheidstaal is/is één/ien taal/taal overbodig/oerstallich, en wel/te witten de/de minderheidstaal/minderheidstaal. Alle/Alle Friezen/Friezen beheersen/kinne Nederlands/Nederlânsk, dus/dat waarom/wêrom dan/dan nog/noch een/in vertaling/oersetting in/yn het/it Fries/Frysk toevoegen/taheakje? Die/Dy vertaling/oersetting heeft/hat geen/gjin informatieve/ynformative waarde/wearde. Die/Dy kan/kin men/men overslaan/oerslaan. Het/It taalbeleid/taalbelied van/fan de/de Provincie/Provinsje Fryslân/Fryslân is/is er/der op/op gericht/rjochte (/om) inwoners/ynwenners van/fan deze/dizze provincie/provinsje te/te dwingen/twingen (/om) beide/beide talen/talen Nederlands/Nederlânsk en/en Fries/Frysk tenminste/alteast passief/passyf te/te beheersen/yn 'e macht te hawwen. Door/Troch teksten/teksten aan/oan te/te bieden/bieden in/yn het/it Nederlands/Nederlânsk òf/òf het/it Fries/Frysk, krijgt/krijt het/it Fries/Frysk de/de status/status van/fan noodzakelijk/needsaaklik medium/medium voor/foar àlle/àlle Friezen/Friezen. Bij/By dubbeltaligheid/dûbeltaligens is/is de/de minderheidstaal/minderheidstaal een toegift/der op ta, een/in aardigheidje/aardichheidsje en/en een/in vriendelijke/freonlike geste/geste aan/oan de/de inboorlingen/ynboarlingen. Zijn/Binne die/dy stakkers/stakkerts ook/ek weer/wer tevreden/tefreden. Dubbeltaligens/Dûbeltaligens betekent/betsjut de/de facto/fakto dat/dat de/de meerderheidstaal/mearderheidstaal als/as eerste/earste en/en belangrijkste/wichtichste taal/taal fungeert/fungearret en/en dat/dat de/de minderheidstaal/minderheidstaal als/as folkloristisch/folkloristysk curiosum/kuriosum te/te kak/kak wordt gezet/set wurdt. Dit/Dit boek/boek neemt/nimt het/it Fries/Frysk niet/net serieus/serieus, laat/lit het/it niet/net in/yn zijn/syn waarde/wearde en/en geeft/jout het/it zijn/syn waarde/wearde niet/net. Het/It is/is een/in belediging/mislediging van/fan het/it Fries/Frysk en/en de/de Friezen/Friezen. Friezen/Friezen zijn/binne echt/wier niet/net zo/sa stom/stom dat/dat ze/se het Nederlands/Nederlânsk niet/net kunnen volgen/neikomme kinne. Een/In ééntalige/ientalige (Nederlandstalig/Nederlânsktalich òf/òf Friestalig/Frysktalich) uitgave/útjefte had/hie van/fan meer/mear respekt/respekt voor/foar de/de lezer/lêzer getuigd/tsjûge. Ik/Ik heb/haw geprobeerd/besocht (/om) het/it boek/boek te/te lezen/lêzen, maar/mar ik/ik word/wurd knettergek/knettergek van/fan dat/dat switsen/switsen van/fan de/'e ene/iene taal/taal naar/nei de/de andere/oare. Een/In oplossing/remeedzje is/is misschien/faaks: maak/meitsje de/de tekst/tekst in/yn een/ien van/fan de/'e talen/talen - zelf/sels kiezen/kieze welke/hokker - met/mei een/in filtstift/filtstift onleesbaar/ûnlêsber.

Trotwaer. Jaargang 32 351

Biten en brokken Jan Pieter Janzen

Te heech grepen?

Tsien útferkochte foarstellings à fjirtjinhûndert besikers: de Frysk Festival-opera Orfeo Aqua op de Bombrekken wie kwantitatyf en ek artistyk sjoen in grut sukses. Dochs weage Omrop Fryslân der de deis nei de lêste útfiering in ôflevering fan ‘Sis it mar’ oan. Alheel op it nivo fan de harkers, dus op knibbels, want stel je foar dat je je publyk foar fol oansjogge: Fûnen jim it in sukses of.... wie it wat te heech grepen? No nee, wie de unanime reaksje, wij ha folop genoaten. Ek doe't it reinde? Ja, dat inkele buike hat ús sin net bedoarn. Dat foel presintator Eric Ennema suver wat ôf. Gelokkich wie der de oare deis wer in echt maklik ûnderwerp: Binne jo bern noch wol feilich op strjitte? Doe koenen alle populistysksimplistyske registers wer iepen en krige it gesundes Folksempfinden wer folslein syn gerak: ‘Fan elk bij de geboarte daliks it DNA bepale, dan ha je dy ûngelokken letter samar te pakken.’

CdK's

It ferskil tusken kommissaris Loek Hermans en Ed Nijpels? Hermans besocht Fryslân twa jier lyn op 'e kaart te setten mei Fryslân 500. Dat mislearre, foaral om't alles fan boppe-ôf regele waard. Simmer 2000 slagge oer alle boegen en waard in folksfeest om't it alheel fan ûnderenop kaam. Dêr hie Hermans him noait lykas syn opfolger sa fan herten yn stoart dat er op it einfeest ek syn offisjeel debút yn it Frysk makke hie.

Gjin bestjoer

Foarlopich mar net wer yn in bestjoer, wie myn fêste foarnimmen bij it ôfskie-op-eigen-fersyk fan dat fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Leaver wat praktysker oan 'e gong, mei alle moannen as taastber resultaat in nij nûmer fan dit ferslaavjende blêd. It hat noch gjin jier duorre. Doe siet ik yn it algemien bestjoer fan de Provinsjale Biblioteek. Dat wie, op fersyk fan de Provinsje, al in jiermannich dwaande mei de ferselsstanniging fan dy oerheidsynstelling. Op de gearstalling fan it bestjoer - meast Ljouwerter notabelen - wie nochal wat krityk kommen en sadwaande waard it ein foarich jier útwreide mei de Stellingwerver foaroanman Henk Bloemhof en mei Koen Zondag en mijsels as represintanten fan de Fryske kulturele sektor (op oanstean fan deputearre Bertus Mulder, nim ik oan). It hat mar twa gearkomsten duorre. De twadde, op 10 april, wie tagelyk de begraffenis. Doe waard bekend makke dat Deputearre Steaten de ferselsstanniging weromdraaie soenen. In eigen bestjoer wie net mear nedich, om't de PB ferline jier dochs noch oanheakke hie bij it Ryksargyf, it FLMD en it Ljouwerter gemeenteargyf

Trotwaer. Jaargang 32 dy't earder al besluten hienen om de mooglikheden fan gearwurking yn de foarm fan in Regionaal Histoarysk Sintrum te ûndersykjen. Deputearre Steaten gongen troch de bocht doe't steatssekretaris Rick van der Ploeg mei de nota Cultuur als confrontatie kaam, dêr't ek yn oanstien waard op it bondeljen fan it regionaal kultureel erfguod. Sneu foar de ‘âlde’ bestjoersleden fan de PB: no wienen se hast sa fier dat se de saak fan de Provinsje oernimme koenen en doe hoegde it net mear. Mij muoide it alheel net. De skaadkanten fan de privatisearringsgoarre waarden

Trotwaer. Jaargang 32 352 ommers aloan dúdliker. Boppedat fielde it PB-personiel der neat foar. It bleau stil oant deputearre Mulder bij de feestlike heriepening op 8 maaie meidielde dat besletten wie om de ferselsstanniging ‘earst oan te hâlden’, sis mar: werom te draaien. Yn 'e praktyk betsjut dat in ‘Rotary-bestjoer’ minder, waard der op de resepsje grute. Hoe dat sa? No, Mulder syn foargonger Louis Lyklema mei yn 'e njoggentiger jierren dan net sa lang kultuerbaas west ha, hij hat wol in tal rotarians oan it bewâld holpen. Bij de PB en ek bij it Frysk Museum bygelyks, foar in part ek noch yn dûbelfunksjes. - Noch in reden dus om wiis te wêzen mei de bekearing fan DS.

Dynamyk

Dat bringt my - noch even - bij Wim van Krimpen. Dy is hjir net mear: yn juny beneamd ta direkteur fan it Haachske Gemeentemuseum. In beneaming dy't foar de Nederlânske museumwrâld as in folsleine ferrassing kaam. Syn fuortgean út Fryslân wei wie dat net, want dat er hjir syn kontrakt fan trije jier net úttsjinje soe, wie nei it spektakulêr privee-referendum yn febrewaarje wol dúdlik. In ferlies? No nee. Jawis, Van Krimpen hat de saak hjir ‘opskodde’ en yn it Frysk Museum foar in nije dynamyk soarge - it personiel skynt better motivearre te wêzen as ea -, mar oft dizze stuntwurker ek in echte bouwer wie, moat noch bliken dwaan. Ik soe der net fan opsjen at achterôf bliken docht dat er in soarte fan Kennedy west hat, de mediazjenike presidint dy't yn histoarysk perspektyf hyltyd minder foarstelt. Bij de iepening fan syn lêste tentoanstelling, mei de stikeljende titel Het paard van Troje, liet Van Krimpen witte dat de nije direkteur op syn minst in jier as acht oanbliuwe moat - om sýn dynamysk belied fuort te setten. Hij helpt sels mei om in opfolger te finen: ‘Ik voel me verantwoordelijk, ik zal er zeer mijn best voor doen.’ In wize fan oer je grêf hinne regearen, dêr't it folchsume museumbestjoer grif wiis mei wêze sil.

De kolonel

Ien badinearjende kollum yn de Ljouwerter Krante fan 17 july wie genôch om kolonel L. Sjaarda Hzn. en syn Fryske leger fan 'e kaart te feien. Dizze libbensechte boartersguodsoldaten wienen fan 't simmer wol rûnom presint mar de grap sloech net oan. Ek in ynstjoerd stik fan Hilde Mulder, Sjaarda syn geastlike mem, koe de saak net rêde: ‘Sjaarda is kunst, of je dat nu wilt of niet. Hij is bedacht door Auke de Vries en mij in opdracht van het Frysk Festival. Ons werd gevraagd iets te doen met het thema pelgrimage.’ En dêr paste it ferdigenjen fan it eigen stikje grûn mei in sabeare eigen leger neffens har skoan bij. De LC publisearre de wiidweidige oratio pro domo yn justjes ferkoarte foarm. Mis, neffens it Sjaarda Journaal, de ûnregelmjittige útjefte fan it Ministearje fan Definsje Fryslân. De kranteredaksje mei dan it rjocht ha artikels yn te koartsjen, dit wie

Trotwaer. Jaargang 32 ‘sinsuer’. Al wer in teken dat Mulder & De Vries minder ‘ludiek’ wienen as dat se sels ha woenen. Sneu foar dizze keunstners, mar har Kolonel wie it minst slagge ûnderdiel fan it Frysk Festival, sawol artistyk as kwa publyksberik. (Sjoch ek: www.sjaarda.org/)

Trotwaer. Jaargang 32 353

Trioel

Twa tagelyk: Tony en Trinus

Feitsma giet yn har Trioelstik yn it julynûmer alhielendal foarby oan ien fan de twa sintrale ûnderwerpen út myn bydrage oan it junynûmer: de relaasje wittenskip en ideology. Myn yndertiid (yn Us Wurk, 1994, s. 1-27) wiidweidich beärgumintearre stelling dat Feitsma bewust har frisistysk ûndersyk yn tsjinst fan de Fryske Beweging stelt en dy yn juny yn Trotwaer herhelle konstatearring, mei de konklúzje dat se op sa'n wize oan ‘wittenskiplike selsdiskwalifikaasje’ docht, negearret se folslein. Har kommentaar op it twadde punt, de relaasje Frysk-Nederlânsk, makket jin ek net fleurich. Likemin as yndertiid yn de LC (15 july 1994) toant Feitsma no oan dat myn mei soarch útsochte en yn in brede kontekst jûne sitaten út har wurk oer taalnoarm har opfettingen oer Frysk en Nederlânsk ûnrjocht oandogge. Dat kin ek min, want dan soe se harsels ôffalle moatte. Om har der dochs út te rêden, beheint se har no ta ien fan har artikels en fettet dat stik op in hiel eigen wize gear: it Nederlânsk is abstrakter en (folle) machtiger as it Frysk. Dat is fansels gjin nijs dat om tsjinspraak freget. Wêr't it my wol om gong, is dat Feitsma yn har (as wittenskiplik presintearre) wurk ûnsaaklike termen as ‘moloch’ en ‘ûnmeensklik’ brûkt en úthâldt dat it ‘Hollânsk’, oars as it Frysk, ‘sa tige forearme’ is ‘troch syn tokoart oan forbining mei de dialekten’. Dat lêste is op syn bêst in heale wierheid: krekt as soe it Nederlânsk allinnich mar wat ferlern hawwe. Sokke ûnberoaide útspraken komme hiel oars oer as ‘oanstean op it respektearjen fan dialektfoarmen en op it brûken fan “gewoane” taal yn amtlik frysk’, in formulearring dy't Feitsma no yn har Trotwaer-stik kiest. It docht my oars goed dat Feitsma (sij it lang om let) ynsjocht dat sa'n kar net folle mei wittenskip te krijen hat, mar ‘yn prinsipe ideologysk of taalpolityk’ is (al kin se ‘yn prinsipe’ mar better weilitte). Oars as Feitsma giet Riemersma yn it julynûmer al yn op de ferhâlding tusken wittenskip en ideology, mar hy docht dat wol op in bysûndere wize: ‘Ik bin bliid dat Breuker en ik it deroer iens binne dat de [?] weardefrij ûndersyk net bestiet. Mar dat hâldt yn dat de opposysje wittenskip-ideology ferfalt. Hoe kin Breuker dy opposysje dan noch brûke as argumint tsjin Feitsma en my?’ Riemersma syn twadde en tredde sin út dit sitaat slane nearne op. Wis, ik ha der (yn Us Wurk en yn Trotwaer) op wiisd dat weardefrij ûndersyk net bestiet, mar tagelyk dat de ûndersiker alle war dwaan moat ‘om de werklikheid objektyf te beskriuwen en te ferklearjen, ek yn it besef dat dy werklikheid noait as sadanich te kennen en dus te beskriuwen en te ferklearjen is’. Wittenskip en ideology dus safolle mooglik útinoar hâlde. Dat is krekt it tsjinoerstelde fan jins ûndersyk (mei sin ek noch) ophingje oan de doelen fan in ideology (lykas de Fryske Beweging). Al hoefolle rigels oft er ek nedich hat om it tsjinstelde te suggerearjen, Riemersma komt der net foar wei dat de (krityske) lêzer wol konkludearje moat dat net Breuker, mar Riemersma sels de regels fan de bibliografy net behearsket. Like maklik as de foarige kears de boarne fan myn sitaten op te slaan wie, hied er no de fynplakken fan syn ‘eigen wurden’ yn ‘al dy jiergongen’ fan Trotwaer en Frysk en Frij op it spoar komme kinnen (sjoch - fansels - wer Us Wurk, jrg. 43 (1994) s. 27).

Trotwaer. Jaargang 32 It is oars moai dat Riemersma (nettsjinsteande de oan himsels taskreaune loaiens) no

Trotwaer. Jaargang 32 354

ál de sosjolingwist opspeurd hat dy't skreaun hawwe soe dat standerttalen ‘patologysk’ binne. Der eefkes oan foarbygeand dat der frijwat flaters yn Riemersma syn oanhaal út Hudson (dy't ik hjirre thús net by de hân ha) sitte moatte (wêrby't Riemersma syn e-a-e-fariaasje yn ‘standerd’ - ‘standerd’ - ‘standard’ - ‘standard’ - ‘standard’ - ‘standard’ - ‘standard’ - ‘standard’ - ‘standard’ - ‘standerd’ wol wat fan in spultsje hat), Riemersma liket it wurd ‘pathological’ (dat yn it Ingelsk neist ‘syklik’ ek ûnder mear ‘ûnnatuerlik’ betsjutte kin) net goed begrepen te hawwen. Hudson skriuwt (neffens Riemersma): ‘For instance, one might also describe standard languages as pathological in their lack of diversity. To see language in its “natural” state, one must find a variety which is neither a standard language, nor a dialect subordinate to a standard (since these too show pathological features, notably the difficulty of making judgments in terms of the non-standard dialect without being influenced by the standard one).’ It giet Hudson kleardernôch om ‘pathological’ as tsjinstelling ta ‘natural’, dat wol (hjirre) dus sizze ‘ûnnatuerlik’-‘natuerlik’. Riemersma brûkt ‘patologysk’ lykwols yn 'e (beheind-Fryske) betsjutting fan ‘syklik’ (yn oerienstimming dêrmei neamt er in standerttaal as it Nederlânsk in ‘sikenhúspasjint’). Riemersma kin him dus foar ‘patologysk’ = ‘syklik’ (yn 'e kontekst fan standerttalen) net op Hudson beroppe (en op net ien oars, bin 'k bang). Dêrmei binne wy wer by de relaasje Frysk-Nederlânsk en de fisy dy't men dêrop ha kin. Ik ha (fansels binnen de grinzen fan frijheid, fatsoen, geweldleazens, reedlikheid ensfh.) neat tsjin op it hawwen en ferkundigjen fan ideologyen (wat soe it libben dêrsûnder wêze), mar dan net ûnder de flagge fan de wittenskip. Ik noegje Riemersma, Feitsma en oare Bewegers nochris fan herten út om oars as yn 'e foarm en op it nivo fan in columnke of ynstjoerd stikje te reagearjen op myn Us Wurk-artikel oer wittenskip en ideology. Sokke stikken wolle wy yn Grins graach alle romte jaan. Pieter Breuker (Diskusje op dit plak sletten. Redaksje.)

‘Naturalisme in psychologicis’

Ik ha twa dingen op te merken oer Jabik Veenbaas syn artikel oer de psychologyske roman (Trotwaer 2000, 158-171), foarst de saak sels, de status en de takomst fan dy roman, twad de mytologisearring dy't er om myn persoan hinne bedriuwt. Veenbaas karakterisearret it negative oardeel oer de psychologyske roman as in regionaal Nederlânsk-Fryske eigenaardichheid. Dat doocht net. Ik sitearje út in artikel fan Jurij Tynjanow:

‘Jedes beliebige Genre rückt in der Epoche seines Verfalls aus dem Zentrum an die Peripherie, an seinem Platz aber taucht aus den Kleinigkeiten der Literatur, aus ihren Hinterhöfen und Niederungen eine neue Erscheinung im Zentrum auf. (Das ist jene Erscheinung der “Kanonisierung der jüngeren Genres”, von der Viktor Šklovskij spricht.) Der Abenteuerroman wurde auf diese Weise zum Boulevardroman, ebenso wird jetzt die psychologische Erzählung zur Boulevardliteratur’ (Jurij

Trotwaer. Jaargang 32 Tynjanow, ‘Literarisches Faktum’, yn: Jurij Striedter (Hrsg.), Russischer Formalismus, Wilhelm Fink Verlag, München 1969, 399-401).

(It begryp ‘boulevardliteratuer’ is frij ûnbekend, mar it moat in negative wurdearring ynhâlde, wat ek bliken docht út 'e oersetting fan Karina de Kort:

‘Zo werd de avonturenroman tot boulevardroman, en zo zal in onze tijd het psychologische verhaal tot boulevard-lectuur worden’, Bron-

Trotwaer. Jaargang 32 355

zwaer, Fokkema, Kunne-Ibsch (red.), Tekstboek algemene literatuurwetenschap, Ambo, Baarn, 1977, 263).

It artikel fan Tynjanow is fan 1924 en it giet my útsoarte om de lêste wurden út dit sitaat. It Formalisme let bekend wurden yn West-Jeropa, fier neidat Rodenko syn wurden skreau en krekt nei't Smit him oer it moderne proaza begûn te uterjen. De taalbarjêre kin in oarsaak wêze, en fierder it feit dat de groep nei de Russyske revolúsje minder earmslach krige. Guodden fan har hawwe har (mei de mûle) ta it kommunisme bekeard, oaren hawwe it swijen der ta dien en wer oaren binne it lân út gien. De lettere lingwistyske rûnte te Praach mei in grut fonolooch as Troubetzkoy, is grif net sûnder de ynfloed fan 'e Formalisten te tinken. Yntusken hat benammen de resepsjeteory omraak kennis nommen fan it Formalisme. As Veenbaas beweart dat ik in learling fan Smit bin yn dit stik fan saken, hat er grif gelyk. Mar it is mar de helte of minder. Yn 1978 bin ik mei it Formalisme yn kontakt kommen. Ype Poortinga, dy't it lêste jier dat er les joech oan 'e Noardlike Leargongen de folksferhalen behandele, smiet my in artikel foar fan Vladímír Propp, de man fan 'e mearke-analyse. Propp is gjin Formalist, mar in tiidgenoat, en it nijsgjirrige is dat in èchte Formalist, Viktor Šklovskij, al foar Propp soartgelikense ideeën utere oer de mearkekomposysje. It ynspirearjende fan 'e Formalisten is dat it sokke entûsjaste jonges binne. Se beare as ha sy de wittenskip útfûn en as sil no alles dúdlik en klear wurde. De Formalisten, dat is grif net ûnwichtich, engasjearren har sterk mei de eigentiidske, moderne Russyske literatuer. En dan is de parallel mei Rodenko en Smit dúdlik, dy dogge dat krekt sa mei de Nederlânske, resp. Fryske. As fjirde-klassers fan 'e kweek te Dokkum liezen wy it ‘ooievaarboekje’ Nieuwe griffels, schone leien, mei poëzy fan 'e fyftigers. En wy liezen Rodenko - sûnder der ek mar ien letter fan te begripen, mar dat wie minder wichtich. It gyng ús om de tsjoen fan it nije. Rodenko en Smit, beide ferbine se har ‘wittenskiplik lot’, om it mar ris dramatysk te sizzen, oan it trochsetten fan in nije literêre streaming dêr't sij alle heil fan ferwachtsje, krekt as de Formalisten dienen. As Veenbaas dan seit: Se hawwe finaal mis west, de psychologyske roman libbet as in hert, dan tink ik: so what? De measte literatuerwittenskippers hat de skriuwer gjin kloaten oan, mar wittenskippers dy't de nekke útstekke en de sprong yn 'e takomst wêgje, dêr kin in skriuwer mei út 'e fuotten. No kin der daliks tsjin my ynlein wurde dat it doel fan 'e literatuerwittenskip net is om skriuwers it paad te wizen, en dêr moat ik dan ek mar daliks op yngean: foar my is literatuerwittenskip in ûnderdiel fan 'e literatuerkrityk en ik ferwachtsje fan de wittenskipper dat er partij kiest yn it fjild fan stridige literêre opfettingen en belangen. Ta de saak: troch Smit haw ik my stipe field om te skriuwen sa't ik skriuwe koe en woe, tanksij de Formalisten haw ik de foarm fûn foar myn boekje Toate-los (it stiet mei safolle wurden yn it Neiwurd). En oft Smit en oft de Russyske Formalisten dan efternei sjoen folslein gelyk krigen hawwe, ja, moat ik my dêr wier om bekroadzje?

Mar is it finaal ûnsin dat de psychologyske roman de takomst hân hat en ta de konvinsjonele literatuer kommen is te hearren?

Trotwaer. Jaargang 32 It skuort fansels net út dat in skriuwer oer psychologyske kennis beskikke moat en dat der hjoeddedei amper in boek ferskynt of der sit psychology yn, dat is te sizzen dat de skriuwer syn bêst dien hat om de minsken te obster-

Trotwaer. Jaargang 32 356 wearjen yn har hâlden en dragen. Dat is it probleem net. It probleem is oft dat alles wêze kin en oft dat genôch is. In roman dy't my allinnich ynljochtet oer it psychysk funksjonearjen fan in heapke minsken, wat haw ik dêr oan? As it sosjale en it etyske en it morele bysaak binne, of net iens ta de saak dogge, wêrfoar sil ik sa'n roman dan lêze? Om te sjen oft it allegear kloppet mei de teoryen fan Adler, Jung, Freud, Kretschmer? De ellinde mei de psychologyske roman dy't allinnich mar psychologyske roman wêze wol, is dat er in kasus behandelt sa't dy yn 'e hânboeken beskreaun is. De psychologyske roman stuolket net mear op orisineel waarnimmen fan 'e skriuwer, mar op sekundêre kennis. Dat kin ek net oars, wy wurde deasmiten mei psychology en wy ûntkomme der amper oan om de teoryen foar de werklikheid te hâlden. Dat is by einsluten myn beswier, net de psychology op himsels, mar it determinisme dat der ornaris mei mank giet. Durk van der Ploeg syn roman In man en in minske haw ik yndertiid ‘naturalistysk’ neamd. Yn in besprek fan in roman fan Willem Abma haw ik my nochris nidich makke om it folslein foarsisbere fan 'e psychologyske beskriuwing. Dy foarsisbere beskriuwing wurdt logysker- en konsekwinterwize realisearre yn in konvinsjonele plot en yn en mei konvinsjonele prosedees - it kin net oars, der is gjin útwei. Lolle Nauta spriek yn in Tsjerneredaksjegearkomst, yn in oare kontekst, ris fan ‘naturalisme in psychologicis’. Ik tink, dat is in goede term foar wat my yn 'e psychologyske roman tsjinstiet. De psychologyske roman fersimpelt it psychyske libben ta it omrûgeljen fan in rige dûmnyshoutsjes - kausaal, meganysk, dom. Us psychysk funksjonearjen is folle healwizer, riker en briker, ûnfoarsisberder en ferrassender as de skriuwers fan psychologyske romans ús leauwe litte wolle. Veenbaas wol de psychologyske roman rehabilitearje, rêde fan it negative oardeel. Dat is net in ienfâldige taak dy't er him stelt, it is as it besykjen de wiksels noch om te smiten wylst de trein allang foarby is. De resepsjeskiednis kin net wer oerdien wurde. Men kin op syn heechst konstatearje dat de gong fan saken op 'e iene of oare manear spitich west hat. De twadde swierrichheid dêr't de ‘korrektor’ foar komt te stean, is dat er oanwize moat, wàt dan ferkeard west hat, of wêr't it mis gien is. De skuld by ‘de’ lêzers lizze, hat net folle doel: it lêzerspublyk is in anonime massa dyst net ta ferantwurding roppe kinst. Mei mear kâns op sukses kinst de kritisy ferwite dat se guon wurken ferkeard beoardeeld ha, dat se de wearde te leech ynskat ha. Dat moatst dan fansels wol bewize of alteast oannimlik meitsje. Veenbaas ferwyt de kritisy neat mei safolle wurden, mar út syn opmerkingen folget dy krityk konsekwinterwize wòl. Veenbaas leit de ‘skuld’ oan de teloargong fan 'e psychologyske roman by twa persoanen, te witten by God Smit en by syn profeet Riemersma. Ja, ik lit myn serieuze toan los, want dit fyn ik gekheid. De foarstelling fan saken as soenen ien, twa man safolle macht hawwe dat se de literatuer yn in beskate rjochting twinge kinne, is eigentlik te healwiis om der op yn te gean. Ik sitearje:

‘Jo Smit hie oanwiisber ynfloed op ien fan ús grutste prozaïsten, Trinus Riemersma, en it gesach fan Riemersma sil der net swak ta bydroegen hawwe dat in hiele generaasje skriuwers fan de Koperative Utjowerij him op dizze line begûn te oriïntearjen’ (158).

Trotwaer. Jaargang 32 Ik kin dêr fan alles tsjinynlizze, mar wêrom soe ik: ik hoech net te bewizen dat Veenbaas ûngelyk hat, de bewiislêst berêst by dejinge dy't wat beweart. Tr. Riemersma

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant achterplat

Meiwurkers

Tine Bethlehem (1938) is dosinte literêre foarming. In oersjoch fan har fersen sûnt 1955 ferskynde yn Swietroken & koperblazers (1995). Fan 't hjerst komt in nije bondel út by Bornmeer. Tsead Bruinja (1974) skriuwt yn it Ingelsk, it Nederlânsk en it Frysk. Hy organisearret yn Grins literêre eveneminten en studearret Ingelsk oan de RUG. De Amerikaanske literatuer fan 1850 oant hjoed hat syn foarkar. Hy publisearre û.o. yn Hjir, Ravage, Bordelaise Literair en Spot On. Yn eigen behear ferskynde Vreemdgaan. Yn juny kaam by Bornmeer De wizers yn it read út. Johan Gezels (Zottemgem 1956) schrijft columns over literaire en artistiek onderwerpen voor De Beiaard (weekblad voor Zuid-Oost Vlaanderen. Heeft als oriëntalist verscheidene artikels voor tijdschriften en bijdragen aan verzamelwerken over de christenen in het Nabije Oosten geschreven, Kees 't Hart (1944) publiceert romans, gedichten en essays [en wie fan it begjin ôf as bestjoerslid belutsen by Simmer 2000]. Klazina Hofstee (1965) wie fiif jier redakteur/ferslachjouwer/programmamakker by Omrop Fryslân Televyzje. Emigrearre yn april 1999 mei har man (Gerrit Schotanus, ek in Fries) nei Vancouver yn it westen fan Kanada, dêr't se wurket as freelance sjoernalist en programmamakker. Cor Hofstra (1946) is wiskundelearaar te Ljouwert. Wennet yn Frjentsjer, mar is grutbrocht yn Drachten. Hat 22 jier om útens west. Hans Hoogendijk (1947) is journalist. Hij was voor o.a. de LC correspondent in Moskou en Berlijn. Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de KFFB útjûn wurde. Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toaniel, korpsmuzyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattette en it Wâld). Jitske Kingma (1959) wurke by it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. Yme Kuiper (1949) is historieus en cultureel antropoloog en verbonden aan de Rijksuniversiteit Groningen. Hannah Ludwig (1943) is sjoernalist/publisist/toanielresinsint en Steatelid foar de Partij van de Arbeid. Krige ein sechstiger, begjin sântiger jierren fiif kear in Rely Jorritsmapriis. Skreau boekjes oer Jugenstil en Neo-classicisme foar it Monument van de Maand. Wie yn in griis ferline ein- en haadredakteur fan de Friesland Post. Tjitte Piebenga (1935) is skriuwer. Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. Albertina Soepboer (1969) wennet yn Grins en libbet fan de pin. Publisearre yn it Frysk en it Nederlânsk fiif dichtbondels, mei as lêste De stobbewylch

Trotwaer. Jaargang 32 (2000). Sette it Baskyske berneboek Mari-Marietta oer en skreau in ienakter foar jongerein. Is dosint oan de Skriuwersskoalle yn Grins en wurket as freelance publisist. Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels, de lêste wie Kajapoetoaly (2000). Elly Veltman (1966) wurket as dosinte Nederlânsk yn Dokkum. Wennet yn Ljouwert mei Michiel en Dikke Bertha (de WO I kat), skriuwt in soad, mar publisearet neat. Hat resinsearre foar Omrop Fryslân, mar moat no earst de stúdzje ôfmeitsje. Cornelis van der Wal (1956) is dichter, kritikus, okkultist en terrorist te Grins. Yn 1991 ferskynde syn earste bondel In nêst jonge magneten, dêr't er yn 1993 de Fedde Schurerpriis foar krige. Hy die yn 1997 mei oan Poetry International en yn dat jier kaam ek syn twadde bondel, Sinnestriel op it offermês, út. Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as free-lance sjoernaliste foar de Leeuwarder Courant en de Friesland Post, skriuwt kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâus boeken foar bern; yn 1997 ferskynde har seisde dichtbondel, Thúslûd.

(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)

Trotwaer. Jaargang 32 357

[Nummer 8]

Dwersreed Jan Pieter Janzen

Trotwaer: mear ferdivedaasje Wij ha it jierlikse tuskenrapport fan it Nederlands Produktie- en Vertalingenfonds wer hân. En dat like goed. Krige de redaksje foar de jiergong 1998 - frij fertaald - in 8+ foar gedrach en flyt en in 8- foar de ynhâld, de nûmers fan 1999 is it Fûns noch better oer te sprekken: ‘De commissie is zeer positief over de frequentieverhoging [fan seis nei tsien nûmers] en de kwaliteit van de afgelopen jaargang. Trotwaer ontvangt met recht een standaardsubsidie. / Het bestuur sluit zich bij het oordeel van de tijdschriftencommissie aan.’ - In 8+, soe 'k sizze wolle. De spesjale kommisje foar it beoardieljen fan de Fryske tydskriften bestie diskear út Liesbeth Brouwer (universitêr dosint Frysk), Remco Heite (bestjoerslid fan it Fûns en boargemaster), Hylke Tromp (literêr kritikus en learaar Nederlânsk) en Simen Veltman (nearlandikus en frisist). Dy fine dat it de redaksje slagge is om in kwalitatyf goed blêd te meitsjen:

Mede door de structuur die de redactie heeft aangebracht, de rubrieken en de sterke redactionele sturing is er in de afgelopen jaargang niet alleen sprake van een grote variatie en afwisseling in de bijdragen, maar ook van een hoge mate van consistentie. De redactie laat uitermate kritische mensen aan het woord over een breed scala aan (actuele) onderwerpen. De bijdragen zijn niet plichtmatig, en roepen reactie op. De kwaliteit van de opgenomen bijdragen is over het algemeen goed.

Ek oer it nivo fan de langere skôgings, dy't tanksij in projektsubsydzje fan it Fûns en de Provinsje Fryslân yn opdracht skreaun wurde koenen, is de kommisje ‘zeer positief’. It gie dêrbij om stikken fan Remco Ekkers (oer Harmen Wind), Eppie Dam (oer Gerrit Terpstra), Harmen Wind (oer ûnderwiis en lêsbefoardering), Jelle Krol (oer it Fryske proaza) en Anneke Reitsma (oer Albertina Soepboer). Oant safier it goeie nijs. Fûnen de karmasters de kritiken út 1998 ‘voor een literair tijdschrift soms te oppervlakkig’ en misten se ‘een duidelijk redactiestandpunt door de jaargang heen’, it ôfrûne jier wie der in oar swak stee:

In de aanpak van de redactie schuilt wel het gevaar dat het blad te degelijk en serieus kan worden; iets meer aandacht voor vermaak, ‘ferdivedaasje’, en levendigheid zou het blad ten goede komen.

Wurden nei ús hert! Want wat hat de redaksje op 11 maaie yn in spesjale gearsit oer it fierder ferbreedzjen fan dit blêd alheel op eigen kracht konkludearre? Loftich en koartswilich, dat is de keunst en de soarch. No sloech dat mear op de (eventuele) nije sydstripen fan ús trottoir as op de rinnende jiergong, mar wat let ús om yn de kommende nûmers al wat mear ferdivedaasje te bringen?

Trotwaer. Jaargang 32 Hjir: posityf kritysk

Oer de kollega's fan Hjir is de tydskriftekommisje reedlik te sprekken. Der is wurdearring foar ‘de gekozen positie van Hjir als podium voor poëzie met een sterke kweekvijverfunctie’. Posityf is de kommisje ek oer de skôgings, al is der krityk op it feit dat ‘de besprekingen

Trotwaer. Jaargang 32 358 niet altijd recht doen aan het besprokene, doordat het meer aanzetten dan uitgewerkte stukken zijn’. Bij de presintaasje fan de oersettingen ‘wreekt zich de onzichtbaarheid van de redactie’. Ferline jier fûnen de tydskriftehifkers noch dat der mear struktuer komme moast yn it redaksjebelied - ‘Hjir oogt als een onsamenhangend geheel, rijp staat naast groen.’ -, no binne se mylder. Elk neidiel hat ek hjir syn foardiel:

De redactie lijkt niet te werken vanuit een groot plan of een uitgesproken strategie. Het schijnbaar toevallige en willekeurige karakter van Hjir brengt een grote openheid met zich mee: er kan veel in het blad. Hjir heeft zich de afgelopen jaargang met name door de poëtische invalshoek sterker onderscheiden van Trotwaer. De redactie biedt nieuwe mogelijkheden voor bijdragen. Conclusie: Ondanks de kritische opmerkingen is de commissie positief over de afgelopen jaargang; Hjir ontvangt met recht structurele subsidie.’

Sa'n standertsubsydzje (foar trije jier) krije ek de Nederlansktalige blêden Literatuur, De Parelduiker, De Tweede Ronde, De Gids, Raster en Revisor (de lêste trije mei in premy, om't se kwalitatyf boppe de oaren út stekke). Armada, Bunker Hill, Liter en Parmentier krije in ienjierrige stimulearringssubsydzje (wat de lêste twa oangiet foar it earst). Bzzlletin, Lust & Gratie en Optima sitte oant takom jier yn in oergongsregeling. Ferbetterje se har net, dan wurdt de jildkraan tichtdraaid, lykas dat earder mei Maatstaf bard is.

Nij Trotwaer

It Literair Produktie- en Vertalingenfonds wol him yn 'e takomst ek mear rjochtsje op net-literêre non-fiksje. Dat komt subsydzjetechnysk moai út: it makket it praten oer it fierder ferbreedzjen fan Trotwaer wat makliker. De redaksje wol ta op in kultureel opinyblêd mei tolf kear yn it jier 64 siden proaza, poëzy, essees, kommentaar, krityk, ferdivedaasje en achtergrûnen en analyzes bij it nijs. In betelle einredaksje en in meinimmender, profesjonele fersoarging binne opfallende ferskillen mei it ‘âlde’ Trotwaer. In belangrike oerienkomst is dat de literatuer de rêchbonke bliuwt: yn elk nûmer steanen literêre bijdragen, redigearre neffens de noarmen dy't de redaksje altiten al oanhâlden hat (en dêr't de subsydzjejouwers tefreden oer binne). It oare part fan Nij Trotwaer sil bestean út mear sjoernalistike algemien-kulturele stikken. De Fryske literatuer giet der dus net op achterút, der ferdwynt gjin poadium. Krekt oarsom: der komt in medium bij dat de Fryske skriuwerij mear earmslach en in grutter berik jout (fan sa'n 350 fêste lêzers no oant 1800 yn 2004 is it stribjen). Ein septimber is by de útjouwer in finansjeel ûnderboud fjouwerjierre-plan yntsjinne. Dêrnei is it wurd oan de polityk.

Trotwaer. Jaargang 32 359

Freark Dam Op it Tynster tsjerkhou

Nammen dy't ús oansjogge út lege eagen lizze ferstienne har tiid hjir út. Wie hy ús Pake wier? Waard hja ea Beppe neamd? Wy steane en stoarje like wurch as wanich op al dy sibben, fiere foarfaars' bern as wy, mar ús noch amper neier as poerfrjemd. En sels it moedsum paad dat ea en earne by Giteren begûn en stagen, stagen letter hjir oan de Warren en de Ripen dearûn is net mear dreamber iens - o, Alde Wei! Dit himpen hou mei stien en skil en hagen wurdt ûnbegeanber nimmenslân foar ús. Sels Gerrit R. syn sark, sa fiks mei hammer en mei sichte flamjend, leit ús sprekwurdlik rjucht & sljucht, makket it frjemdlingskip folslein.

Hoe dan, yn 't foarhou letteroan, yn jonge beam ynienen doe dy lytse miggesnapper, syn keunstke kwier en bizich boartsjend? Hoe dan sa'n oerdied fan attinsjes ek, sa skomjend wyt en blinkend as wurdt it allegearre dochs wer nij? Hèn, libje wy?

Trotwaer. Jaargang 32 360

Anoreksia Nervosa en de Playboy of Gaston Lachaise: in lyrikus as byldzjend keunstner Eric Hoekstra

1. Wat?

Der is in type keunst dat besiket it libben te ferhearlikjen. Net al it libben, mar datjinge oan it libben dat de keunstner útkeazen hat as it hichtepunt fan it libben. Yn syn kar fan hichtepunt sprekt de keunstner in smaakoardiel út dat per definysje ek in wearde-oardiel is, lykas Nietzsche yn Götterdämmerung, haadstik ‘Striidskriften fan in ûneigentiids man’, nûmer 24, dúdlik makket. De keunstner dy't a- of ymmoreel seit te wêzen is allinnich mar op de hearskjende moraal tsjin, en besiket syn eigen alternative en tsjinoerstelde moraal op 'e foargrûn te skowen. Hearskjende moraal of hearskjende smaakoardielen? Dat is itselde. It machtichste smaakoardiel neamt himsels moraal. Yn dit essee wol ik it ha oer twa hearskjende smaakoardielen. Ien: it smaakoardiel dat der in ideale froulike foarm bestiet, dy't bygelyks yn 'e moadeblêden en blêden as de Playboy stal kriget. Twa: it smaakoardiel oer wat in hichtepunt fan it libben is. De byldzjend keunstner Gaston Lachaise (1882-1935) hie in eigen smaak dy't er yn syn keunst stal joech. Syn smaak giet lykwols op beide niisneamde punten yn tsjin it hearskjend smaakoardiel, sis mar smaakfoaroardiel, fan ús tiid.

2. De ideale froulike foarm

De ideale froulike foarm krije we te sjen op 'e televyzje, yn 'e moadeblêden en yn films. Besjoch

1. Torso with pendulous Breasts de mannequin. Hja is it maatskiplik ideaal fan 'e froulike foarm foar froulju. Dêr stiet

Trotwaer. Jaargang 32 361 se, yn 'e moadeblêden dêr't froulju har klean út keapje: langer as de gemiddelde frou, tinner as de gemiddelde frou. Besjoch no populêre froulike filmstjerren, besjoch de froulju yn 'e Playboy en de Penthouse: noch hieltyd tinner as de gemiddelde frou, mar net sa tin as yn 'e moadeblêden, lykwols fan gemiddelde lingte, mar fral jonger as de gemiddelde frou en famkesachtiger. Opfallend yn frouljus- en manljusblêden is it ûntbrekken fan fariaasje. De froulike foarm is uniformearre. Wat bûten de wenstige maten falt wurdt yn ús tiid problematisearre trochdat it ûnsichtber makke wurdt. Wat bûten de wenstige maten falt moat him oanpasse, wa't bûten de wenstige maten falt moat har oanpasse. Dus wat sjogge we yn ús maatskippij by froulju: krekt, de hjoeddeiske dieethystery, en as ekstreme foarm dêrfan, anoreksia nervosa. Yndie, yn boeken oer anoreksia wurdt ek in konneksje lein tusken it hearskjend kultuerideaal fan tinne, famkesachtige froulju en it dêrtroch útlokke syktebyld fan froulju dy't harsels útmergelje. By manlju nimt de tiranny fan it kulturele ideaal in oare foarm oan. Ferachting foar breed boude froulju, faaks bangens. It ideaal is machtiger yn 'e middenklasse as yn 'e legere klasse, faaks om't de middenklasse de machtichste hjoeddeiske kultuerdrager is. Under- en boppeklasse hingje der wat by, alteast yn Nederlân, lân fan keaplju en ûnderwizers. De ideale froulike foarm is foar alles in maatskiplik ideaal. It gebrek oan fariaasje liket my hjir in syktebyld te wêzen: yn wurklikheid is der al fariaasje mar dy wolle we yn 'e moade- en playboyblêden net sjen. Sokke bangens foar de wurklikheid definiearje ik as in syktebyld.

2. Standing Nude

3. Is dit serieus bedoeld?

Gaston Lachaise waard doe't er jong wie fereale op in âldere, breed boude Amerikaanske frou. Om har emigrearre hy nei Amearika ta. Yn syn keunst ferhearlike hy har. Om't se der oars as neffens it tastiene ideaal útseach, waard de keunst fan Lachaise ynearsten net serieus nommen. Besjoch bygelyks ôfbylding 1 ‘Torso with

Trotwaer. Jaargang 32 pendulous breasts’. Lykas Janet Hobhouse (The bride stripped bare. The artist and the

Trotwaer. Jaargang 32 362 nude in the twentieth century, s. 182) oer Lachaise skreau: ‘you look at the proportions of the female form, and you think you get it, a not very sophisticated joke... a small excercise in misogyny’. Dochs is dat oan it feroarjen. Is der romte foar oare smaak of oare idealen? De reaksje fan Hobhouse op 'e keunst fan Lachaise is de stereotype reaksje fan minsken dy't ûnder de tsjoen binne fan it mannequinsideaal. Lokkigernôch kin de minske syn foaroardielen ta in hichte oan 'e kant sette. Foar Hobhouse is de oprjochtens fan Lachaise in reden om har foaroardiel oan 'e kant te skowen. ‘It wie him tinken, hy fûn dat bespotlike echt moai’, sa soe men de posysje fan Hobhouse karakterisearje kinne. Yn alle gefallen hat de keunst fan Lachaise de deugd dat it tsjin in unifoarm en ûnrealistysk ideaal oplein oan it froulik lichem yngiet. Op deselde manier giet in boek oer homofily ek yn tsjin it unifoarme heteroseksuele ideaal. Mar neffens my is dizze wat feministysk oandwaande fertsjinste net de iennichste fertsjinste fan it wurk fan Lachaise. Lykas carder sein, de lyryske keunstner ferhearliket in útkeazen aspekt fan it libben. Wat ferhearliket Gaston Lachaise? Sjoch mar nei ôfbylding 2 ‘Standing Nude’

4. Yn 'e holle.

Feitliks is it in simplifikaasje en sis dat er de frou dêr't er fereale op waard ferhearlike. It is sels oerflakkich en sis dat er har liif ferhearlike. Wat er ferhearlike wiene de fielingen en sensaasjes dy't sy yn him oprôp, benammen de fielingen en sensaasjes dy't oproppen wurde troch it sintúch dat we de taast neamme. It argumint? Ferjit net dat Lachaise in byldhouwer wie. Byldsjes, oars as skilderijen, binne net allinne makke om te besjen mar ek om te

3. Kneeling Nude

Trotwaer. Jaargang 32 fielen. Keunstkritisy ha har faak fernuvere om de keunst út 'e Stientiid, lykas de Fenus fan Willendorf. Ik leau dat sokke byldsjes net allinne makke waarden om te besjen, mar ek, en benammen om te befielen. Fansels, wy libje yn in tiid, lykas Camille Paglia beklammet, dêr't it fisuele de oare sensaasjes wat ferkringt. Mar dat hat net altyd sa west. En der binne keunst-

Trotwaer. Jaargang 32 363 ners dy't tige ûntfanklik binne foar de ympresjes fan 'e taast, lykas Lachaise. Erotyk sit net allinne in fisueel aspekt oan, dat lijoed de dei in ûnhuere klam kriget, mar ek in taktyl aspekt, dat oan 'e krapperein komt. It wurk fan Lachaise is in ferkenning fan 'e taktile aspekten fan 'e sensaasjes dy't de fron dy't er leaf hie yn him oprôp. Lykas hy skreau yn in brief: ‘I worked from you all afternoon expressing your body - expressing your thoughts - your body is your thought.... the 4 corners of the studio close me in with you’. Fansels, Lachaise is gjin wurdkeunstner of wittenskipper en yn dit sitaat is it sinnige mei it ûnsinnige mongen. Fansels is it ûnsin at Lachaise seit dat er de tinzen fan Isabel werjout: dat is projeksje. Lachaise jout syn eigen tinzen, de sensaasjes dy't Isabel yn him opropt wer. En dêrom is it wol sinnich om te stellen: ‘I worked from you’, om't sy sa't se yn him is him ynspirearret. Ek sinnich is de útspraak ‘the 4 corners of the studio close me in with you’. Want Isabel is net yn 'e studio, mar sy is by him yn syn holle, en syn ferbyldingskrêft, syn skeppend fermogen, makket dat se libben yn him is. Ofbylding 3 ‘Kneeling Nude’ jout ek dúdlik wer dat Lachaise syn dominante emoasje bewûndering, oanbidding of ferhearliking is - dy trije binne fansels nau besibbe. Dy emoasje komt ta utering yn 'e skientme fan it byldsje, dat werjout hoe't Lachaise de skientme fan Isabel sjocht, mar tagelyk projektearret Lachaise syn eigen emoasje yn it byldsje troch it byldsje sels yn in oanbiddende pose del te setten: de keunstner is fergroeid mei syn keunstwurk.

5. ‘Was machst du? Mus. Was für Mus? Orgasmus.’

We tinke dat we alles al wite om't we auto's en

4. In Extremus stofsûgers ha. Lykwols stiet it wittenskiplik ûndersyk nei sokssawat simpels as humor (simpel?) noch yn 'e berneskuon. Noch folle minder wite wy ôf fan it eroatyske yn it algemien en fan it orgasme yn it bysûnder, sawol út fysyk as út psychologysk eachweid wei. Yn 'e keunst wurde dingen sichtber makke dy't we earder net wisten, net bewust wisten. Keunstners rinne faak foarop by it trochbrekken fan taboes dy't har krêft oan it ferliezen binne. Op ôfbylding 4 ‘In Extremis’ wurdt de eroatyske

Trotwaer. Jaargang 32 opwining fan it orgasme troch de taast sichtber makke. It gesicht, symboal fan bewustens, is

Trotwaer. Jaargang 32 364 fuort. De minske is folslein ien mei syn sintúchlik gefoel. De boarsten, erogene sône, binne grut en ekstreem werjûn. Grut om 'e yntinsiteit fan 'e ûnderfining wer te jaan. Ekstreem om it ûngebrûklike, potinsjeel nuodlike en destruktive fan 'e ûnderfining wer te jaan: gjin grut geniet sûnder gefaar. Yn dit byldzje wurdt it orgasme analysearre en ferhearlike. Yn de ferkenning fan ditsoarte ûnderfiningen, yn ús kultuer twa milennia lang in objekt fan byleauwe, leit de krêft fan Lachaise. Mei de oerdriuwing dêr't skynber eksakte kritisy har sa graach oan skuldich meitsje soene we sizze kinne: ‘in extremis’ is in tentative teory oer it orgasme. Fansels is alles út it eachweid fan 'e man wei, sterker noch, út it eachweid fan Gaston Lachaise wei: dat is ommers it iennichste eachweid dat er ha kin. Froulike eachweiden soene troch froulike keunstners werjûn wurde kinne. Dat it om in eroatyske ferkenning giet docht bliken út it feit dat de ôfbyldingen fan it gesicht ek koel binne: foar it fielen, foar de taast is it gesicht net fan grut belang. It giet om 'e erogene sônes, dy't bytiden yn isolaasje ôfbylde wurde, lykas op ôfbylding 5 ‘Torso with arms raised’, mar ek op de hjir net werjûne ‘Torso with Pendulous Breasts’ en yn ‘Knees’. We ha by Lachaise dus te krijen mei in ferkenning fan it eroatyske. Dat docht hiel dúdlik bliken út ‘Breasts with female Organ Between’, dat we út respekt foar post-kristlike weardeoardielen hjir net werjouwe. Dy wearde-oardielen binne sa sterk dat Hobhouse yn har artikel fersommet op te merken dat niisneamd wurk fansels in werjefte is fan 'e sensaasje fan in spesifike eroatyske posysje, nammentlik as it manlik diel tusken de boarsten hinne en wer beweecht. In elemintêre saak mar net yn ús

5. Torso with Arms raised tiid, dêr't de geslachtsdie mear opskuor op 'e televyzje tewei bringt as moard en marteling. Hawar, it is net ús doel en hingje hjir de moralist út, wy wize hjir op beskate feiten dy't relevant binne foar in adekwate analyze fan ús kultuer en fan ússels. Yn dat ramt leveret Gaston Lachaise in nijsgjirrige bijdrage.

Yllústraasjes: The Lachaise Foundation. Sjoch foar mear ynformaasje oer Gaston Lachaise en syn wurk: www.salander-oreilly.com/estates/lachaise.html en: sheldon.unl.edu/.

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 365

Jacobus Knol en Elie Wiesel De kreaasje fan de oersetter Alida van der Meulen

Toutes les fleuves vont à la mer hat de joadske skriuwer Elie Wiesel syn yn 1994 ferskynde autobiografy neamd. It is in grutte fertsjinste fan Jacobus Knol dat er it earste diel dêrfan, dat noch net yn it Nederlânsk beskikber is, yn it Frysk oerset hat. De Kristlik Fryske Folksbilbeteek hat it ûnder de titel Alle rivieren rinne nei see yn twa dielen útjûn (resp. yn 1999 en 2000; ). De oarspronklike, Frânske ûtjefte is ferskynd by Éditions du Seuil. Nei dizze ûtjeften wurdt yn it stik hjirûnder ferwiisd.

Elie Wiesel oerlibbe as sechtjinjierrige Auschwitz. Dat feit stjit sintraal yn syn wurk en is tagelyk de driuwende krêft efter syn skriuwerskip. Wiesel syn autobiografy is yn dit earste diel gronologysk fan opset al makket er gauris sprongen yn 'e tiid en dat yn in kleurige, rike, byldzjende taal. Hy is in betûft ferteller. Dat soe neffens Knol (yn in petear yn Trotwaer fan maaie 2000) gearhingje mei syn chassidyske famylje dy't in tradysje fan it fertellen fan ferhalen hat. Wiesel lêze is tagelyk meinimmend en dreech. Meinimmend om't er in grut ferteller is, dy't sûnder muoite fan de iene ymposante situaasje nei de oare giet, dy't tal fan nijsgjirrige minsken moetet en dy't opfallend posityf oer it minskdom tinkt. Dreech is er troch de ynhâld fan wat er te sizzen hat, troch Auschwitz, troch syn útwreidingen oer it leauwen, yn syn petearen mei de rabbys mar it bliuwt in tagonklik libbensferhaal mei in dúdlike reade trie. Faaks doelt Knol dêrop as er yn it fraachpetear seit dat de kombinaasje fan styl en boadskip, fan ynhâld en foarm, foar him it meast oansprekkende yn it wurk fan Wiesel is. Hie ik allinne it Frysk lêzen dan soe ik it boek foldien tichtslein hawwe en hie 'k mei spanning nei de twa folgjende dielen útsjoen. No haw ik ek it Frânsk lêzen en dan kriget dy spanning dochs in oare ynhâld. Ik sil my neier ferklearje. It fergelykjen fan de beide talen levere in lange list op fan, lit ús it ferskillen neame. Fansels haw ik doe neitocht oer de rol fan de oersetter. In autobiografy is gjin roman en al hielendal gjin poëzij. Oer it generaal stiet der wat der stiet en de oersetter moat oersette wat der stiet. Hy mei net weilitte, gearfetsje of ferkeard oersette. Knol hat hjir neffens my stekken falle litten: hy hat tefolle weilitten, gearfetten of ferkeard oersetten.

Weilitten en gearfette

Daliks al op side 7 (diel 1) nei de sin ‘Wêr kaam er wei?’, mis ik de oersetting fan it Frânske ‘cette nuit’ (die nacht) en it sintsje ‘út hokfoar lânskip wie er ûntkommen?’ dat der yn it Frânsk wol stjit. Wat stelt de Fryske lêzer him foar op side 11 (1) as de lytse Elie fan beppe op de freed foar sabbat in waarm broadsje kriget? Wêrom net it Frânske ‘petit pain tressé’ oersette mei ‘frissele broadsje’? It giet hjir fansels net om samar in

Trotwaer. Jaargang 32 366 broadsje mar om in ‘hala’, it ‘pain de fête’, in ritueel broadsje lykas de joadske bakker yn de Marais, de joadske wyk fan Parys, my goedwillich ûtlei doe't ik dêr dizze simmer wie om by him sa'n broadsje te keapjen. Foarm en ynhâld falle hjir wol hiel letterlik gear! Side 24 (1): Heit wie mâl mei Tsipouka, it lytse suske en bestege oan har mear tiid as oan de oare bern: ‘...sette har op 'e knibbel en fertelde har ferhaaltsjes’. Wêr is yn it Frysk it suertsje bleaun dat er har in de mûle die? As Wiesel op side 8 (2) seit dat de ‘horizon’ fan lepralijers ‘amputé’ is, set Knol dit synyske byld al hielendal net oer. Wêrom net? Noch in foarbyld fan in wichtich sintsje dêr't Wiesel op 'e nij mei synisme in spesjale diminsje oan de situaasje jout en dat Knol net oerset. Side 170 (2): Wiesel hat it oer in New-Yorkse kritikus, dy't krityk trochinoar hellet mei rabberij. De man is útfanhûs by de foarsitter fan in literêre sjuery, oprjochte troch oerlibjenden fan Bergen-Belsen, dêr't er sels ek diel fan útmakke. De kritikus wit fan syn útfanhûzerij oars net te fertellen as dat de frou fan de sjueryfoarsitter ‘in tatoeaazje fan in ûnbidich grut nûmer op 'e earm hie’. Wiesel foeget der noch oan ta: ‘as hie se dat mei opset sin meitsje litten by Cardin’. Ek al soe Knol net witte wa't Cardin is, dan noch mei er soks net oerslaan. Gearfetsje is allikemin in foarm fan oersetten as weilitte. Dochs makket Knol gauris gebrûk fan dizze metoade. Side 20 (1): As lytse jonge giet Elie mei syn mem nei rabby Israël de Wizhnitz om syn segen te ûntfangen. Nei Elie moat mem noch eefkes wer by de rabby komme, dêr't se justjes letter fûleindich gûlend wei komt. Jierren letter heart er fan in neef wêrom't mem gûlde: de rabby hie sein dat de lytse Elie in ‘gadol b'Israël’, in grut man yn Israël, wurde soe. Beskieden heakket Wiesel (fan wa't Knol seit dat er ûntwapenjend yn syn earlikheid is en de gek mei himsels hat) dêr oan ta: ‘Wat mar wer bewiist dat sels in grut Master him fersinne kin... Mar it byld fan ús mem yn triennen haw ik noch altyd by my.’ Knol ferearmet en ferfoarmet dit ta: ‘Wat my oangiet, allinne mem har segen wie wichtich.’

Flaters

It giet der my by dizze oanmerkings net om dat Knol mei syn oersetting net in lêsber boek skreaun hat mar it bart te faak dat der net stiet wat Wiesel skreaun hat. Bytiden lykje it ek wol flaters troch misbegryp fan it Frânsk. Side 14 (1): ‘De grêfstien fan pake wie wyld oergroeid mei gers en nei rjochts weisakke oer de oare hinne.’ Yn it Frânsk stiet der net ‘nei rjochts’ mar ‘droite’ (rjocht as rjochtop). Noch opfallender is dat Wiesel it tiidwurd ‘dominer’ brûkt om de posysje fan pake syn stien oangeande de oare stiennen oan te jaan. Hielendal net weisakke. Of tinkt Knol faaks oan it dominyspultsje? Side 19 (1): ‘De âlde bylden kamen fuortdalik wer nei boppen.’ Yn it Frânsk ferbline se ek noch. Wêrom net by Knol? Side 22 (1): Wiesel freget him ôf hoe ryk oft se thús wiene. Hy komt ta de konklúzje dat se yn elts gefal net ryk wiene mar faaks ‘aisés’: se koene it skoan dwaan, ‘en dan

Trotwaer. Jaargang 32 noch’ heakket er dêr oan ta. Knol jout net mear as: ‘Gewoan, sis mar.’ Wylst ‘aisés’ gewoan net ‘gewoan’ betsjut. Side 102 (1): Wiesel ropt de episoade op dat de famylje yn 'e trein weifierd wurdt. Hy fynt it no, efterôf, kranksinnich dat in minske sa gau oan alles, hoe ellindich ek, went en hat muoite om dat ta te jaan: ‘j'ai du mal à admettre’ en net dat is net: ‘it docht my sear’ (j'ai mal). Side 214 (1): ‘In sjoernalist hat in drok be-

Trotwaer. Jaargang 32 367 stean’ is in earme oersetting fan ‘journalisme oblige’, dat doelt op in bekende siswize. Wêrom op side 31 (2) de ‘odyssée’ fan in groep joaden yn Súd-Amearika ‘lot’ neame wylst it begryp ‘odyssée’ hjir sa'n soad seit? Side 36 (2): Wêrom it Frânske ‘Peut-être aurais-je dû accepter’ (Miskien hie ik it oannimme moatten) oersette mei ‘Miskien soe ik it oannommen hawwe’? Side 76/77 (2): Yn in stroef rinnend petear mei de rabby fan Wizhnitz merkt Wiesel op: ‘La question suivante, c'est à moi-même que je la pose: qu'aimerais-je entendre de sa bouche? Qu'il me bénisse?’ (De folgjende fraach stel ik mysels: wat woe ik út syn mule hearre? Dat er my segene?) Ut de kontekst is dúdlik dat er dat yn gedachten ta himsels seit. Knol makket dêr lykwols fan: ‘Syn folgjende fraach hie ik mysels ek stelle kinnen...’ Dat ‘Syn’ slacht hielendal nearne op want de rabby stelt gjin fraach en ‘hie ik mysels ek stelle kinnen’ kin nea de oersetting wêze fan de notiid ‘je pose’. Side 170 (2): ‘Lit ús noch ris fierder gean...’ is hiel wat oars as ‘allons jusqu'au bout’, lit ús ta de ein gean. Side 266 (2): ‘In nije dream? As God my it libben jout, kom ik dêr yn in oar diel op werom.’ Dat is Knol syn oersetting fan: ‘Que Dieu me prête vie, et j'en parlerai plus longuement, comme je parlerai d'autres aventures, d'autres combats et d'autres défis. Dans le prochain volume.’ Ien hoecht net in soad Frânsk te kinnen om te begripen dat sa'n oersetting wol in hiel slop ôftreksel is fan it orizjineel. Ik soe noch trochgean kinne. Op hast eltse side is wol in oanmerking te meitsjen mar yn it ramt fan dit artikel komt hjir it lêste foarbyld fan in passaazje dêr't fan alles mis mei is: side 78 (1): it giet oer in joadske flechteling út Poalen dy't by heit Wiesel op besite komt. De man wennet yn it stedsje fan de famylje Wiesel mar

Frissele bôle fan in koshere bakker yn Dijon. (foto Henk Bok/Alida van der Meulen)

‘il vivait en marge de la communauté’, wat hiel wat oars is as ‘oan 'e rane fan de maatskippij’, as wie er in soarte fan swalker, wylst er jild genôch hie en yn in lúks appartemint wenne. Letter wurdt it noch in kear sein en dêr set Knol ‘communauté’ wol oer mei ‘mienskip’. Myn grutte fraach bliuwt, wêrom? Slimmer is dat Knol in hiel oar idee fan de man syn frou hat as Wiesel sketst: ‘Il avait une femme très blonde au corps épanoui, assez

Trotwaer. Jaargang 32 368 belle [...], qui devait se dire que l'air ennuyé lui allait très bien.’ Knol makket dêrfan: ‘Hy hie in moaie frou mei hiel ljocht hier [...], dy't der lykwols altyd like wurch út seach.’ Wiesel beskriuwt gewoan in soarte fan Brigitte Bardot, mei in ‘corps épanoui’, in weelderich lichem, dy't net wurch (?) is mar fynt dat in ferfeelde halding har wol kreas stiet.

Tiidwurden

De kar dy't Knol makke hat foar it oersetten fan de tiidwurden, is noch in punt apart. Wêrom kiest Knol foar de doetiid dêr't Wiesel de notiid brûkt? Hy mist dêrmei ek de mooglikheid dy notiid of te wikseljen mei de unfolsleine no-dantiid, bygelyks op side 49 (2), dêr't de Frânske ‘futur’, ôfwiksele mei de notiid in soarte fan flash-forward, in beskate spanning jout. As Wiesel seit: ‘Il est un autre “cadeau” que je n'accepterai pas, et j'en mords encore les doigts aujourd'hui’, dan is ‘Der wie noch in oar “kado” dat ik wegere en dêr't ik noch altyd spyt fan ha’ dochs wer in oersetting dy't oan sizzenskrêft ferlern hat. It feroarjen fan 'e tiden yn it orizjineel is in kar mar net perfoarst in lokkigenien.

As konklúzje wol ik nochris mei klam sizze dat de oersetting fan it earste diel fan Elie Wiesel syn autobiografy in oanwinst is foar de Fryske lêzer, in kâns om yn 'e kunde te kommen mei in grut, dreaun skriuwer dy't in soad te sizzen hat. Spitich is wol dat de oersetter te faak de essinsje mist dy't Wiesel syn wrâld kompleet makket en dat er de subtiliteiten dy't by Wiesel syn taal hearre net werjout. Dat er ek noch stikken weilit en flaters makket is him min te ferjaan. Neffens it earder neamde fraachpetear fynt Knol ‘oersetten like kreatyf en boeiend as sels skriuwen’. Ik freegje my nei it lêzen fan Alle rivieren rinne nei see lykwols ôf oft er kreativer of minder kreatyf oersette moat.

Trotwaer. Jaargang 32 369

De lêste boat nei Hellesylt Meinou Piebenga

Eke fytst stadich yn 'e wyn op nei hûs ta. Se hat it paad by de Swette lâns keazen. Dat is eins wat om, mar se hie der sin oan hân om lekker troch te waaien en it klotsen fan it wetter te hearren. It is echt hjerstwaar, mei sa'n hurde wyn dat it net maklik is om op it smelle fytspaad te bliuwen. Se leit mei de earms op it stjoer, de holle foardel. Se is it net wend om allinnich te fytsen en beseft no hoe 'n stik it skeelt as Jan skean foar har rydt om te wyn te brekken. Dy is fêst de oare kant om gongen, tinkt se, miskien hat er noch wol oaren út harren doarp ynhelle en binne se wat oan it gekjeien.

Oan de ein fan it sande oere koene de oaren fan de eksamenklasse VWO nei hûs ta. ‘De Boer moet zijn taaltje nog even bijspijkeren, zeker,’ rôp Marcel, de fierstente grouwe slachterssoan út 'e stêd. Mei de klam op boer. ‘Hee, karbonade,’ sei Jan feninich, ‘gean yn de etalaazje fan jim heit sitten!’ Hy run mei Eke it lokaal út, op wei nei de learaar dy't har beide yn syn eigen tiid tarette op it eksamen Frysk. ‘Doen jullie het wel eens?’ It klonk hol troch de gong, dy't op dit oere net mear sa fol mei bern wie. ‘Alle sneintemiddeis,’ gniisde Jan oer it skouder yn de rjochting fan Marcel. ‘Toe ju, doch net sa idioat, wêrom seist dat,’ systere Eke. Se fielde dat se in kleur krigen hie. ‘No, dat dogge dochs alle troude stellen, op sneintemiddei mei elkoar op bêd, witst dat net?’ ‘Ik bin net mei dy troud, wol?’ It kaam der lûder út as se bedoeld hie. ‘Grapke,’ sei Jan en sloech de earm om har skouders. ‘Kinst der wer net oer?’ Eke triuwde him fuort en rûn in stapke hurder. Bosma siet al klear. It wie in al wat âlder, hiel krekt mantsje. Hy hie foar elk op de foarste tafels tsjin syn buro oer twa stensils klear lizzen. Moai rjocht. Boerefaktaal, lies Eke. ‘No, de Bóer,’ sei se, ‘dêr kinst dy it hert mar oan ophelje!’ Jan waard ynienen poer. ‘Jezus, do ek al? Wat mienst wol net...’ ‘Grapke,’ baude Eke him gicheljend nei, ‘kinsto wol oer ommers!’ Jan bûgde him ek oer de list. Afrasteren-ôffreedzje, bodumvruchtbaarheid-grûndeugd, lies er lûdop, castreren-lobje, ôfbine, snije.... wêrom moat ik dit witte? Wat moat ik der mei?’

Trotwaer. Jaargang 32 370

Hy hie it tsjin Bosma, mar foar't dy anderje koe, sei Eke dat er him dat mei oare talen ek net ôffrege. En dat der fêst ek wol learlingen wienen mei Frysk yn it pakket dy't bistedokter wurde woenen. ‘Dat leaust dochs sels ek net? Sokken kieze wier gjin Frysk. Binne wy net de iennigen yn de hiele provinsje?’ Bosma reagearre net. Hy woe mei de les begjinne. ‘Oare kear amtlike taal,’ ferguodlike er noch. Hy wist wol dat Jan bestjoerskunde studearje woe.

Eke is bliid dat sy no allinnich fytse moat. Se wol net mear dat it fanselssprekkend is dat Jan en sy altyd mei elkoar op en út geane. Se wol oare, nije dingen belibje! Jan de Boer, gewoaner kin it ek al net... Se kin him al fan de beukerskoalle ôf. Blûn, grut, sterk en hiel aardich, mar eins falt se op in hiel oar type. Eke tinkt wer oan fan 't simmer yn Noarwegen. Se hie mei har heit en mem en jongere broer in deitocht makke nei de Briksdals breen, in grutte gletsjer. Op de weromreis namen se yn Hellesylt de fearboat nei Geiranger, dêr't harren fakânsjehûs stie. It hie prachtich waar west en de jûnsdize hong al oer it fjord. Doe't yn 'e fierte tusken twa grutte rotspartijen de boat dy't yn de tsjinstelde rjochting farde te foarskyn kaam, hie heit tsjin nimmen yn it bysûnder, sa mar wat foar him út, sein: ‘De lêste boat nei Hellesylt...’ En ynienen hie it west as wie dy iene sin in gedicht en Eke wie oan de reling stean gongen en hie de boat hieltyd tichterby kommen sjoen en him mimerjend folge oant er út it sicht ferdwûn wie.

Se wie net mei heit en mem en Gjalt opfakânsje, mar mei harfreon. Se seach him foar har, donker hier mei krollen, prachtich atletysk figuer en mylde eagen. Like sprekend op Ruerd Koster, in kennis fan heit en mem dy't har ris, doe't se noch lyts wie, yn sliep songen hie mei inferske dêr't har noch stikken fan yn it ûnthâld sieten:

Mies van Loo heeft mooie haren, mooie haren heeft Mies van Loo, Mies van Loo, Mies van Loo, mooie haren heeft Mies van Loo...

Hy hie sa'n prachtige, weemoedige stim en se hie, sa lyts as se wie, winske dat sý Mies van Loo wie. Se fielde har betrape, doe't er fierder song:

Eke Post heeft mooie ogen, mooie ogen heeft Eke Post....

Sy en harfreon makken in wrâldreis op 'e moter. Se hienen yn Geiranger oernachtsje sillen, mar dêr hie it har fierstente toeristysk west. Hy sei mei de stim fan Ruerd dat se de lêste boat nei Hellesylt mar nimme moasten. ‘De allerlêste?’ frege sy pleagjend. Hy naam har de helm fan it lange, blûne

Trotwaer. Jaargang 32 371 hier, tute har en sei sêft dat se dat dwaan soenen as se tegearre hiel, hiel âld wurden wienen, te âld om ea noch wêrom te kommen....

‘Getfer!’ ropt Eke ynienen lûd. In grouwe rôt fljocht har foar it tsjil lâns en ferdwynt yn de ûnderwal. Se is sa skrokken dat se nochris út de grûn fan har hert ‘Getferderry’ seit. Har stim klinkt sa nuver hjir yn de wide, keale wrâld, dat se har skammet. Se sjocht skril om har hinne oft der dochs earne immen is dy't har hearre kinnen hat. Net ien te bekennen. It is in bytsje dizenich en fan de tsjerketuorren dy't oars oan de kimen te sjen binne, kin se no neat gewaar wurde. Eke krijt pikefel op de earms as se betinkt dat hjir grif wol mear rotten binne. Wat docht se hjir ek? As se de oare kant om gongen wie, hie se al thús west. In eintsje fierderop by wat strewelleguod sjocht se no wol immen. Se tinkt dat dêr in man te fiskjen stiet, mar as se tichterby komt, draait er him fluch om. Yn in flits sjocht Eke dat de broek him op 'e hoksen hinget en dat syn ding rjocht foarút stekt, mar dan hat se as de wjerljocht de fyts keard en fljocht as in idioat de oare kant wer út. Foar de wyn.

Jan trapet sa hurd as er kin yn 'e wyn op nei hûs ta. Nei't er by Eke weigongen wie, hie er wat doelleas yn it sintrum omrûn, op 'e siik nei freonen. Of leaver noch woe er freondinnen tsjinkomme. Aardige, spontane famkes, dêr't er wille mei meitsje koe. De stêd like wol útstoarn, de kroegen dy't op freed altyd grôtfol binne, hienen no ek leech west. Hy hie noch wat omsneupt yn in boekwinkel, mar doe wie er beret op hús oan set, oer it fytspaad lâns de Swette, dan wie de kâns dat er Eke ynhelle wol hiel lyts. Dy soe mei dit waar noait dy kant kieze. Hy fielt him sterk en frij en it nearzige gefoel fan niis is ferdwûn.

Se rûnen tegearre nei it fytshok, de boeketassen op 'e rêch. ‘Wêrom dochst sa tsjin Marcel?’ frege Eke. ‘Hy kin it net helpe wol, dat er sa dik is.’ ‘No brekt my de klomp,’ foel Jan út. ‘Altyd dat gelul oer it Frysk. Krekt as prate allinnich boeren it mar. En hy wit bêst dat ik gjin boeresoan bin. Wêr bemuoist dy mei? Bist myn mem net, wol?’ Mar it wie Marcels lêste opmerking dy't Jan mear dwers siet. Doen jullie het wel eens... It like wol oft hy de iennige fan syn leeftyd wie dy't noch noait mei in famke frijd hie. En salang't er allinnich mar mei Eke omgong, soe dat ek wol noait barre. Dy hold him al ôf as er har allinnich mar ris oanhelje woe. En fan dat serieuze gedoch fan har hie er ek skjin syn nocht. Hy woe nije, span-

Trotwaer. Jaargang 32 372 nende dingen meimeitsje! ‘Ik wol de stêd noch eefkes yn,’ sei er. ‘Oant moarn!’ En hy sprong op syn fyts.

Yn 'e wyn op hat wol wat, tinkt Eke, dan kinst dyn soargen fertraapje, dan telt allinnich mar wat op dat momint wichtich is en dat is datst sjen moatst datst foarút komst. Mar wat se no docht, sile op 'e wyn en sûnder wjerstân de frije fierten temjitte gean, is hearlik. Dat komt fansels ek om't se mar ien doel hat: dêr wei en sa gau mooglik! Dy rôt fan niis kin har ek neat mear skele, wat kin dy har no dwaan? En dat ropt de fraach op wat sa'n man har dan wol dwaan kin. Se wit bêst wêr't in ekshibisjonist op út is. Dy wol allinnich mar datsto sjochst. En neat mear as dat. Mar kinst dêr wis fan wêze? Wa seit dat ast dan goed sjochst - en Eke stelt harsels al foar mei de holle demostratyf yn dý rjochting - hy dy net dochs noch fan de fyts ôfsleept en dy pakt? Se wurdt in fytser gewaar dy't har kant út komt. As it in frou is, sil se sizze dat se ek mar omkeare moat. Mar it duorret net lang foar't se yn 'e gaten hat dat it Jan is. ‘Wêr silsto hinne?’ ropt er al fan fierren. ‘Hast wat fergetten?’ Se stappe allebeide ôf. Eke docht it ferhaal fan de man en ek mar fan de rôt. ‘Der bart hjoed fêst noch wat,’ seit se. ‘It binne goéie dingen dy't út trijen besteane.’ ‘Nee, ferkearde ek. Ik wit it seker!’ ‘No ropst it oer dysels ôf, hear! Moatst ophalde!’ Jan sit al wer op 'e fyts. ‘Kom mar,’ ropt er, ‘as er der noch stiet, sil ik him eigenhannich foar dy snije, ôfbine, of.... eh....’ ‘Lobje!’ Laitsjend fytst Eke achter him oan.

As Eke harren hiem oprydt, sjocht se buorman by syn auto stean. Hy is muskusrattefanger en hâldt in grouwenien foar har omheech. ‘Wy ite hjoed wetterknyn, Eke,’ ropt er. ‘Getferderry,’ seit se lûd, hjoed foar de tredde kear. Buorman gniist. Eke tinkt dat as er de rôt by de Swette fongen hat, hy wat har oanbelanget, better dy fint fange kinnen hie.

Nei it jûnsiten is Eke nei har keamer gongen. Se hat neat ferteld. It petear dat ûntstien hie, kin se sa wol betinke. Mem soe seure oer it gefaar fan allinnich lâns iensume paden fytse, Gjalt soe alles witte wolle oer mannen dy't har lul sa graach sjen litte en heit soe it wer relativearje en fan betinken wêze dat jo ek foar ekshibisjonisten begryp opbringe moatte.

Trotwaer. Jaargang 32 373

Se giet op bêd lizzen en lûkt it kessen sa dat se it sicht op de foto fan de lêste boat nei Hellesylt hat. Se hie doe net iens murken dat heit him makke hie en him daliks om in ôfdruk frege. Heit hie dat foar dy iene kear ris hiel goed oanpakt, hy hie in prachtige fergrutting meitsje litten yn in moaie list. Eke is der ôfgryslike wiis mei, se rekket der net op útsjoen.

Se farre by de ‘frijer’ en de ‘breidssluier’ lâns, wetterfallen dy't der oars yn dizze tiid fan it jier net mear binne, sa lit de stim út in kassetterekorder witte, mar no is de snie pas hiel let teid. Mei de earms om elkoar hinne steane se te sjen. ‘Myn lytse breid,’ seit er, ‘wy sette aanst de tinte net mear op. Fannacht wol ik mei dy yn in echt bêd sliepe. Wy nimme yn Hellesylt in hoteltsje.’ ‘Ja,’ seit se, ‘dan litte wy ús earst inflesse sjampanje bringe en dan geane wy tegearre yn bad.’

Eke moat om harsels laitsje. Sjampanje is yn Noarwegen net te beteljen. Mar it gefoel fan langstme ferdwynt net. As der oanbelle wurdt, wit se dat it Jan is. Mem lit him deryn en stjoert him troch nei boppen. ‘Wat bist oan it dwaan?’ freget er. ‘Neat,’ seit Eke koart. ‘Eke....’ Der is wat yn syn toan dat makket dat Eke ynienen wat mear omtinken foar him hat. ‘Eke, doe't ik fannemiddei fuortrûn, tocht ik dat it goed wêze soe dat wy net mear sa faak byinoar binne. Ik bedoel, ik woe ek wolris wat oars en....’ ‘Wat frjemd,’ seit Eke, ‘ik haw itselde tocht.’ ‘Ja? Mar doe't ik dy op 'e fyts oankommen seach, der oan de Swette, doe wist ik opiens dat ik allinnich mar by dy wêze woe.’ Jan stiet midden yn de keamer en liket wat ferlegen mei syn halding. Eke sit noch op it bêd. Se krijt in waarm gefoel as se nei him sjocht. ‘Kom hjir ris,’ seit se en skoot in eintsje op. Jan falt mei in plof nêst har del en dêr is it bêd net op makke. In pear latten fan de boaiem sjitte fan it plak en se sakje der trochhinne. De spanning is foarby. Wylst se gnizend besykje oerein te kommen, seit Jan: ‘Dat wie dan it tredde... eh... ûnheilsbarren.’ ‘Ja,’ seit Eke. Mar it tredde rampke dat har hjoed oerkomt, is net dat se troch it bêd sakke binne. It is de lêste boat nei Hellesylt. Dy hinget der net mear. De spiker is troch de klap lossketten en de foto stiet no op de plint, tusken it bêd en de muorre yn. Se kin noch krekt in stikje fan de Noarske loften sjen. De boat fart no achter it bêd.

Trotwaer. Jaargang 32 374

Tegearre steane se achterop nei ‘de preekstoel’ te sjen, in foarútstekkend rotsplato, sa'n heale kilometer boppe it wetter. ‘Dêr trouwe wy,’ seit er, ‘mei seefûgels as tsjûgen. En...’

‘Wêr is dy foto fan Noarwegen?’ freget Jan. Hy hat it noch net sein of hy sjocht him al. ‘Net oankomme!’ ropt Eke, as Jan him oppakke wol. Se skrikt fan harsels. ‘Lit ús earst mar eefkes nei underen ta gean om sjampanje,’ stelt se fluch foar. ‘Dan set ik aanst it bêd wol wer yn elkoar. Us heit moat mar even in nije spiker yn de muorre slaan.’ ‘Om... sjampanje?’ ‘Sei ik dat? Om wat te drinken bedoel ik fansels!’

Trotwaer. Jaargang 32 375

Altyd wat! Tr. Riemersma

De myte fan 'e sprútsjelucht

Elly Veltman makket har moai maklik fan it besprekken fan Sikke Doele syn ferhalebondel ôf: de ferhalen hearre ta it ‘sprútsjerealisme’ en sy hâldt net fan 'e lucht fan sprútsjes. Ja, sa wit ik noch wol ien. Ek wol twa. It is nammers net fair om sa denigrearjend oer dy nei-oarlochske jierren te dwaan. De befrijing fan de nazi's brocht gjin befrijing fan 'e foaroarlochske struktueren, sa't in soad minsken hope hienen. Dy befrijing ha de lju fan destiids noch befjuchtsje moatten, en dat dat slagge is - yn 'e sechstiger jierren komt de omslach - dêr mei men de pet wol foar ôfnimme. Mar ik sil gjin antykrityk bedriuwe, ik wol it hawwe oer de myte fan 'e sprútsjelucht. It is wier dat it yn earder tiden winters by in soad lju nei koal roek. Koal wie in wintergriente, reade, griene, savoye koe men bewarje, boerekoal en sprútsjes koenen de hele winter troch op it fjild stean bliuwe en men koe der oant yn maart ta fan ite. Oars wie der ek net folle: rapen, winterwoartels, sipels, beantsjes en snijbeane út 'e keulse pot (en letter wekflessen). De froulju hienen de koal ier en betiid op it fjoer en as koal lang op stiet, rukt it hele hûs dernei. Tritich jier lyn skreau het Neerlands Kookboek (Wageningen: Zomer en Keuning, 1968) oars al foar dat men savoye, wite, spits en griene koal ±25 minuten siere moast, reade 30 en sprútsjes 10 à 15. It Margriet Kookboek (Amsterdam, De Geïllustreerde Pers, 1965) jout justjes langere tiden: savoye, wite, spits en griene koal 30 minuten, reade koal 45, sprútsjes 15 à 20. Mar dy tiden sille grif allinnich de jonge froulju en de mear moderne froulju har oan holden ha. Us mem sette moarns njoggen oere de koal op it petroaljestel yn 't hok mei in krante deroerhinne en dy wie dan alve oere, as ús heit ek thús kaam te iten, wol gear. Dat wie fansels net klearebarre dommens fan dy âlde wiven. De itensierdersboeken skreauwen earder folle langere siertiden foar: wite en savoyekoal in oere siere, útdruppe litte, fynhakselje en dan noch in kertier opstove mei molke en buotter. Reade in oere en dan noch tweintich minuten stove. En sprútsjes: 30 à 45 minuten siere en dan 5 à 7 minuten opstove mei in klútsje buotter (Kookboek van de Amsterdamse Huishoudschool, Amsterdam: Becht, 1910. De 11e printing dy't wy yn 'e hûs ha sil út 'e krisisjierren stamme, rûs ik). Wat domme politisy ek sizze, it is needsaaklik om te diskriminearjen: net alle koalsoarten stjonke like bot en se lizze ek net allegear like swier op 'e mage. Wat it lêstneamde oangiet, spanne sprútsjes de kroan, as jo dy te lang siere, kinne se jo slim plêgje. By oare koalsoarten is dat net of amper it gefal. Blomkoal - yndertiid in typyske sneinsgriente - is de koal dy't it meast stjonkt, lykas nammers ek savoyekoal. Boerekoal rûkt, mar net slim, fan reade koal haw ik ek neat gjin hinder. Stjonke sprútsjes? It hat my noait yn 'e wei west. Neffens it klisjee moat it yn 'e neioarlochske jierren yn heel Nederlân stonken ha fan 'e sprútsjes en dêr soest út ôfliede moatte dat dy regelmjittich op it menu stienen. Dat kin neffens my net. Sprútsjes wienen der mar in moanne of trije en dan wienen se op.

Trotwaer. Jaargang 32 Dat it sprútsje, in pittige en smaaklike koalsoart, krekt symboal stean moat foar de (fermiende) bekrompenheid fan 'e neioarlochske jierren, is inkeld te ferklearjen út 'e domheid en ûnneitinkendheid fan it minskdom.

Trotwaer. Jaargang 32 376

Willem Schoorstra

De see baarnt

De see baarnt. Har weagen lôgje yn it bolderjende lûd fan stilte, slikje oan 'e rânen fan it lân dat huveret ûnder de tongen fan har hite, wiete langstme. En

yn in reafallige loft fleane miuwen fan geniet mei eagen fol jiske; oer de see, it lân, fan roet beslein. En fûnken spatte (as likefolle stjerrebern boppe

harren) fan it oankommen fan de brâning, it swiere sykheljen yn de skulpen fan it lân. Sa binn' it wetter en d' ierde de mjitte. Neam my lân. See sil ik dy hjitte.

Trotwaer. Jaargang 32 377

Dies irae

yn 'e bek fan 'e keamer, de bakstiennen tosken tusken it oantaast toskfleis fan feal behang; it kâlde ljocht fan in strjitlampe, ophongen yn it ramt fan in rút, yn it neihymjen fan 'e nei nacht har amme; fersêde fan reek en drank

bûten waret de sabeare stilte fan in stêd

fan it bêd út wei hear ik it wjerlûd fan útholle wurden omspoekjen yn hûkjende skaden, spytgnyskjende skimen dy't do en ik it libben skonken hawwe, yn it opspyljen fan in lêst' besykjen; in blyn fielen fan hannen

wat net wie liet him ek yn 't fleis net wurde

tusken de lekkens en de tekkens njonken my it leidich lânskip fan dyn blûne foarmen, frjemd fier fuort al, ferdizene yn 't witten fan it loslitten dat mei de dage as in fonnis oankomt, monkeljend yn lege strjitten

Trotwaer. Jaargang 32 378

Sjongpaden yn dreamtiid

wekker waard ik mei in dream noch yn 'e eagen, in âlde dream fan doe't de weareld skepen waard út lûd en klank, al sjongend beneamd wat bestean soe mei

de herteklop fan libben; en paden waarden spûn, in triljend web fan harmonije dêr't ik lâns reizgje koe, fol myn siel fan lieten foar de stim; en bisten

begelaten my, it kleare wetter wie myn bloed, ierde de bonken, myn hertstocht wie de wylde wyn: hill'ge wie ik yn in hill'ge tiid; oant mei't ûntweitsjen

stadichoan it byld ferfleach, it ljocht fan in oare sinne oer my foel, foetus yn in flakke poel; en langjend stoep ik yn de foarste dei, taaste nei

in liet om ek dizze weareld wer te kennen; mar gjin meldij kaam oer de lippen, gjin sjongen klonk yn wat no wie; swijend stie ik yn in leech fermidden

Trotwaer. Jaargang 32 379

Under myn selsbreidene klots kin ik har stim hearre Albertina Soepboer is wer thús Durk van der Ploeg

Albertina Soepboer, De stobbewylch. Gedichten. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2000. Foarmjouwing Gertjan Slagter. Ynnaaid 48 siden. f 19,50.

De fersen yn Albertina Soepboer har foarlêste bondel It nachtlân (1998) beskriuwe ûnder mear in ûntdekkingsreis nei de ein fan de wrâld; it Finisterre, de Galisyske kaap yn de noardwestpunt fan Spanje. It is in poëtyske konfrontaasje mei oare lânskippen en oare talen. Yn de wrakseling mei taal en meartaligens befjochtet Albertina Soepboer harsels romte en frijheid troch lânskippen metafoarysk te oerwinnen op har ynderlike lûd. Net allinne fan foarm en komposysje, mar fral ynhâldlik wie dy bondel gâns in stap foarút. Mar it wie tagelyk in poëtyske trochbraak, want se ûntduts dêryn wrâlden dêr't se mei wrakselet en dy't se al lang iepenbrekke wol. It is fansels in nuodlik ûndernimmen om oan it begjin fan in dichterskip dalik it ein fan de wrâld feroverje te wollen. Want as dat einpunt berikt is, wat dan? Boppedat binne der likefolle einpunten as begjinpunten fan de wrâld. Dat betsjut dat elk, ôfhinklik fan syn woartels, syn sels wer tsjinkomt yn wat sawol ein- as begjinpunt is. En dat sjogge wy mei de nijste bondel De stobbewylch. Albertina Soepboer is wer thús. Dat wol sizze op eigen territoarium. En dat territoarium kinne wy noch wer ûnderskiede yn thús en thuser. Want thús betsjut foar Albertina alteast twa thusen; it thús fan doe en it thús fan no. Beide komme wy tsjin yn dizze bondel. De ôfdielings ‘De helden op 'e brêge’ en ‘Liet fan dea en leafde’ binne it thuser pendant fan it thús út de ôfdieling ‘Oan it Waad’. Ut dy beide ûntstiet de spanning fan doe en no, dy't yn de poëtyske ûntjouwing fan de dichter hiel sterk rjochting siket yn dream en taal, en dea en leafde; abstrakte begripen, dy't de ferskeunst fan Albertina Soepboer net allinne boppe it meanfjild tille, mar by in frij sober taalgebrûk ynhâldlik mearfâldich meitsje. Mar miskien kin dy dream wol útlein wurde as wat der, mei of sûnder romantyske bestjurring, yn in fier ûnthâld hingjen bleaun is. En dy leafde is, tink ik, net samar in eroatyske leafde, mar in leafde nei it ferlerne, it stjerrende. It doe as de werkenning fan it lânskip, it ûndergean fan lûden en roken en dingen, en tagelyk de ferfrjemding troch taal fan in ferline yn dreamen dy't ienris wiene en noait weromkomme sille. Mar dat is de wredens fan tiid; foar elk dy't it no oerlibbet is it besef fan doe ûnferbidlik. Libje is tagelyk in bytsje deagean. Dêrtsjinoer de wrede werklikheid fan it no yn de leafdesfersen fan de ôfdieling ‘De helden op 'e brêge’. De lêzer fersylt hjir yn it wûnderlike selskip fan de Amazone, de frou op it hynder; Osiris, waans leafde mei syn suster Isis sa wreed ferskuord waard en dy't fuortlibbet as de Egyptyske foarst fan 'e deaden; Maria Magdalena as de folgelinge fan Jezus; en Brahma as de ûnsichtbere krêft, berne út in magyske prysterformule. In tsjustere byldegalerij. Yn de ferbylding fan de dichteresse steane se, personifiear-

Trotwaer. Jaargang 32 380 re of yn koper, as helden op 'e brêge. Mei harren ûntstiet in sensasjonele, sensitive, sensuele of, foar de sec-lêzer, seksuele relaasje. Hoewol, dat lêste soe yn dit ferbân wat tefolle lykje op glyptofily. Dêrom, ik sjoch dizze fersen leaver as in leafdesferklearring tsjinoer de stêd, lykas dy ta de ferbylding fan de dichter sprekt. Dêrnjonken yn de ôfdieling ‘Liet fan dea en leafde’ dat tsjustere en wrede fers ‘wy libje yn it hert fan ús stêd’, mei hieltyd dy benearjende rigel dearead is leafde is readdea. In rigel dy't fan efteren nei foaren lêzen wurde kin - al is it net in palindroom - mei sintraal it wurd leafde. In gedicht dat it folwoeksen wurden fan in frou ûnder wurden bringt, en dat neffens my sterke oerienkomsten hat en assosjaasjes opropt mei it gedicht ‘Flearlân’ (yn 1998 bekroand mei in Rely Jorritsmapriis en opnommen yn de bondel It nachtlân). It mottofers op side 5 en it lêste fers fan de bondel ûnder de ôfdieling ‘De stobbewylch’ kinne yn inoars ferlingde lêzen wurde as de dream fan in ûntweitsjende wrâld en de ûntdekking fan dy wrâld út dream en fantasij fan it bern wei. De ‘Havensankjes’ dêrtuskenyn lykje my as boartlike eksperiminten los te stean fan de tematyk fan dizze bondel. Mar miskien is dat tefolle ynterpretaasje yn 't foar.

Op guon gedichten wol ik wat neier yngean, te begjinnen by dy earste fersen út de ôfdieling ‘Oan it Waad’. ‘De swalker’ jout in ympresje fan in man dy't it lân yn fytst. It jout net in fleurich byld. It spoar fan doe is ûnwerkenber: ‘Mar de bollepysten wenje net mear yn 'e sleat, / de bjirken binne omseage en de kikkerts / kweakje net.’ Boppedat: ‘Syn bagaazje is fan lead. / Hy hoastet swier, lit syn skouders hingje.’ Mar wa is dy swalker? It fers ‘Dreame’ seit: ‘Do bist de swalker yn 'e eigen taal.’ En dy do kin elk wêze dy't him/har fan dy sitewaasje bewust is. Wa't it har net bewust binne: ‘Alde mantsjes stjonke nei nije jarre en ride / weinen fol tiid oer de diken hinne. Se sjonge. / Har smoarge hannen ferpartsje de eare / yn 'e groeden fan 'e Fryske grûn. Se smoke. / Se sille wachtsje op libben dat omheechkomt.’ Yn de ôfslutende strofe ferskynt de swalker wer: ‘De swalker himet yn 'e wyn op. Tusken wolk / en gers is hy de lytse stip dy't tichterby komt. / Dalik sil er foar de inketswarte bûthúsdoarren / him deljaan, wachtsje op in omkearde amer.’ De âlde mantsjes wachtsje en de swalker wachtet. Elk wachtet ôf. En dêr slút de ôfrinnende bou fan it fers by oan. De earste strofe seis rigels, de twadde fiif en de lêste fjouwer. It hiele fers symbolisearret in delgong. En dy delgong set him troch yn ‘Dea’. Yn dat fers wurdt de dichter har bewust: ‘As in lyts bern harkje ik troch / de einleaze bergen mei wurden.’ Mar yn de folwoeksenens seit se: ‘Wy witte dat ús taal stjert.’ Dat is in wrange konstatearring dy't yn de earste rigels byldzjend werjûn is mei de wurden: ‘No't ik dea bin, leit de gong / fan it ear leech.’ Yn it fers ‘Fryske taal’ beskriuwt Albertina hoe't har fantasywrâld de taal fier foarút wie. Dat se gjin wurden hie foar de dingen dy't se yn har boartlikens waarnimme koe. Dêrmei komt de sekundêre posysje fan it Frysk al yn de bernejierren ta utering, en kriget yn dy posysje net in, mei hokker kultuer ek, lykopgeande ûntjouwing ken. Fierder is it omsjen yn dreamen. Dreamen dy't de wrâld grutter meitsje, dy't net lykas de taal de fantasy behinderingen opleit. Want dêr giet it altyd om yn de poëzy fan Albertina Soepboer; in ûnbeheinde fantasy dy't boppe alle taal stiet. Nim it fers ‘Thús’. Dêryn binne de dingen sa't se binne, mar sadree stekt yn de tredde strofe ferbyldingskrêft de kop op mei de wurden: ‘Dyn liif stekt as in reade krab / út

Trotwaer. Jaargang 32 381 it slyk omheech. Ut dyn mûle / hinget grien seewier.’ of it ûntbrekt oan poëtyske sizzenskrêft. En de dichter seit: ‘Miskien lakest, / mar ik kin dyn taal net mear teplak bringe.’ En dan folget dy meidieling: ‘Ik sil nei hûs ta, nei heit en mem, / de skaden op 'e muorren tusken ús.’ It tekenet de ôfhâldigens. En dêrom, at se op 'e fyts sit bidt se: ‘Dat ik dreame mei.’ Want de dream ken gjin behinderingen, gjin taalgrinzen. Ik tink dat dat ek ferklearret wêrom't Albertina Soepboer sa sunich mei wurden is en har sa kryptysk uteret. Elke sin stiet by har op it skerp fan 'e sneed. Elk wurd, elk detail is foar har fan elemintêre betsjutting. Dêrom stribbet se, sûnder lêstekens, nei in fertichting dy't polysemy opropt en de lêzer hieltyd foar in kar set. Lykas yn ‘Liet fan dea en leafde’, dat sûnder haadletters, punten en komma's op ferskillende wizen lêzen wurde kin. Nim de rigels 4, 5 en 6 fan de earste strofe: ‘gjin ein oan de lange paden / fan langstme djip ûnder de hûd / dyn freegjen wannear't it oait’. Lês ik dan de sesuer efter ‘langstme’ of efter ‘hûd’? Hjir is it noch in kwestje fan ynterpunksje. Yn de fjirde strofe hat de dichter dúdlik oare bedoelings mei it wurd ‘leafde’: ‘út my streamt de bloedsee en / do streamst yn my de leafde / sit foar dea neist my op it gers’. Foar myn gefoel kriget ‘de leafde’ hjir in eroatyske lading mei, mar wurdt ús tagelyk personifiearre as de dea, sittend op it gers. Ik ben der fanút gien, dat de sesuer leit efter ‘my’, mar kin my dochs net losmeitsje fan in grammatikale ienhcid yn de sin: ‘do steamst yn my de leafde’. En foar wa't gjin kar mooglik is, hearsket it dilemma. Ek elk dy't dizze fersen mei gâns empaty en ynterpretaasjefermogen benei komt sil foar dilemma's komme te stean. Al liket dat yn earste eachopslach miskien wol sa, Albertina Soepboer hat har mei dizze fersen net weromlutsen yn it ferline fan har jeugd, en yn de nostalgyske dream fan hoe't de dingen wiene. It binne gjin moaie plaatsjes. Dizze fersen komme hieltyd werom op it djipste wêzen, nammentlik dat de minske himsels weromfynt yn de taal. Mar de dichter fynt, lykas yn it fers ‘Dreame’ mar ek yn dy oare fersen, de taal fan no net werom. It is, lykas se earder yn It nachtlân sei: ‘De wurdboeken hâlde har stil. / Talen ferstofje op 'e planke.’ Der is troch de jierren hinne in ferfrjemding ûntstien omdat (Fryske) taal foar har hieltyd wer dat ferhaal is fan lang lyn. Yn dat ferline leit tagelyk it ferlerne. Dêrmei wurdt it einpunt, dêr't ik it oan it begjin fan dizze skôging oer hie, wer begjinpunt? Mar miskien moat in dichter mei sokke elemintêre stof wol hieltyd fannijs ôf begjinne mei dy lange ûntdekkingsreis yn it lân fan ferbylding en aventoer om dêrmei te bewizen dat der gjin ein is oan de ûntdekkingsreis, mar dat dy hieltyd op 'e nij makke wurde kin. En dan nochris dat ‘Liet fan dea en leafde’. Dat krige as motto dy lêste wurden fan it Frysk folksliet fan Eeltsje Halbertsma mei: ‘Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme / In grien, in krêftich bloeiend leat! / Klink dan en daverje fier yn it rûn / Dyn âlde eare, O Fryske grûn!’ Dit ‘Liet fan dea en leafde’ is it fers fan de stêd, mar yn dy stêd is oeral en ivich dy fereale frijer Fryslân: ‘do bist stofrigel wurden en ik / staverje dy wer om te witten / wat ús siel bewennet djipper as de bonken’. It komt yn de tredde strofe ta kopulaasje: ‘wyld bewegend ûnder it skaad fan / it âlde lân dat se net dea krigen / frije wy yn har wide woartels / as spoeken sprekke wy har taal’. Dêrnjonken dy oare leafde, de stêd, dy't ik lês yn dy kryptyske omskriuwing yn de fjirde strofe:

út my streamt de bloedsee en

Trotwaer. Jaargang 32 do streamstyn my de leafde

Trotwaer. Jaargang 32 382

sitfoar dea neist ús op it gers se laket en har bonken binne fan wyt Ijocht dat fûl glinsteret yn it tsjuster seisto datsto har noait earder sjoen hast en dan leit se dy oan har grutte hert

Mar njonken dy ambivalinte leafdes lês ik yn dit fers ek it frou wurden, it frou wêzen, lykas yn it fers ‘Flearlân’ symbolisearre yn ‘de pearse beien fan 'e flearen’. En dan tusken de strofen fiif kear dy rigel dearead is leafde is readdea. Ik sjoch dêryn de heftige, mar tagelyk deadlike wurking fan de leafde. Fan hokker kant dy ek komt dearead of readdea, konstant mei in bliedend hert.

stjerrende witsto net wa 't sy is ek al dreamden wy wol fan har beammen har wetter har gers har seine har boarsten har sâlt har fûgels har skulpen har heupe har stoarm har tonger har wolken sa dreame wyfierder de tiid út

Noch in pear wurden oer it mottofers en it lêste fers. Ik kin dy beide fersen net los faninoar tinke. By it mottofers giet it om de wurden ‘Yn it begjin dreamde ik’ en ‘Letter soe ik wol grut wurde’. In fers fol argeleazens. Yn it slotfers (yn de ôfdieling ‘De stobbewylch’) heart de dichter de stim fan it bern dat se wie: ‘Under myn selsbreidene klots / kin ik har stim hearre.’ It griene tek dat yn it mottofers as in grut gerdyn wappere tusken har en de wrâld is fansiden skood. De dichter stiet midden yn de wrâld. Mar tagelyk sjocht se it bern dat se west hat: ‘Ik sit stil by har / woartels te harkjen, nifelje / mei de hantsjes yn 'e blabze.’ Mar de grutte Jan-fan-Gent dy't se yn de krún fan de stobbewylch fantasearre hat is ‘ferdwaald yn / de stoarmen op 'e oseaan.’ Dan docht se de learzens út, draaft it wetter yn. Se folget har fantasyen. ‘Wy laitsje allegear de wide wrâld yn.’ De dichter lit har fantasyen net fange mar folget se de wide wrâld yn.

Wat my yn dizze poëzy oansprekt is de konsekwinte tematyk en de ienfâldige wurdkar dy't by dizze elemintêre poëzy past. Wat my hinderet, is dat Albertina Soepboer de lêzer soms foar swierrichheden pleatst dy't mei tefolle opsetlikens opskreaun binne. Se bout drompels yn har wurk, mei't se samar fan it iene yn it oare slacht. Mear foarbylden hoech ik net te jaan, it tilt der fan op. En as lêste punt. Ik krige al lêzendeweis wolris it idee dat Albertina yn har fersen de romantyske kant neist is, en dan fan in surrealistysk soarte; dat wol sizze, de dream konsekwint konfrontearre mei de werklikheid.

Trotwaer. Jaargang 32 383

In satiryske tv-roman Geart de Vries

Tr. Riemersma, Sinleas geweld. Koperative Utjowerij, Boalsert 2000. 440 siden. f 45.

Oant no ta wie men foar satire oer televyzje benammen oanwiisd op it medium sels. Der gie ek it tv-seizoen 1999-2000 hast net in jûn foarby dat it televyzje-oanbod mei de gek beslein waard. Arjan Ederveen wie te bewûnderjen as de neatsizzende anchorman Erwin Evegau yn syn seary Televisie. Benammen de leechheid fan televyzje waard dêryn behannele, soms op it ferfeelsume ôf. Jiskefet liet op 'e nij sjen hoe't der hiel wat ‘goede gesprekken’ hâlden wurde foar de televyzje, fol mei de meast grouwélige platitudes en útkreame troch ferslachjouwers dy't yn it foarste plak harren sels graach praten hearre meie. Wim de Bie parodiearre tv-programma's mei syn nije kompaan Annet Malherbe. De sterkste ôflevering fûn ik noch de parody op de Schoonheid en troost-ynterfjûs fan de sa njonkenlytsen hast wat megalomane Wim Kayzer (‘Het gesprek zal heel anders eindigen dan het is begonnen. Maar dat weten we dan nog niet.’). En de soaprige Hertenkamp siet alle wiken wer oan folstoppe mei alderhanne tvklisjees. Bûten sokke mei opsetsin satirysk makke programma's falt lykwols gauris noch it measte te laitsjen om de net direkt as grappich bedoelde nijs- en oare programma's sels. Alle dagen is it wol in kear of wat raak op ús ‘treurbuis’, in term dy't jierren lyn yntrodusearre waard troch Gerrit Komrij, doe't er tydlik feroardiele wie ta it fak fan tv-resinsint. En dat wie noch yn de tiid dat der yn de fierste fierte gjin sprake wie fan it oerweldigjende programma-oanbod fan no. Ien fan de hichtepunten fan dy ûnbedoeld heechsteande humoristyske tv fan de lêste tiid fûn ik it twagesprek tusken NOS-Journaal-lêzeres Noraly Beyer en royalty-ferslachjouwster Maartje van Weegen nei oanlieding fan de kritike sûnenstastân fan Prins Bernhard mids maaie. Der wie feitliken neat te melden, mar Maartje joech minutenlang in neatsizzend medysk ferslach fan alle mooglike deadlike krupsjes dy't de prins ûnder de lea hie . Utskreaun hie it sa opnommen wurde kind yn Trinus Riemersma syn lêste boek Sinleas geweld. In roman dy't op syn beurt plenty materiaal oanleveret foar tsien ôfleveringen fan Arjan Ederveen syn rige Televisie, in seizoenlang Jiskefet en hiel wat programma's fan Wim de Bie. Want dêr is Sinleas geweld noch it sterkste yn: it útfergrutsjen fan it televyzjegeweld sa't dat de lêste jierren oer ús hinne stoart wurdt. It is net de earste kear dat Riemersma massamedia optrede lit yn in roman. Yn Fabryk spile it doe noch betreklik nije medium televyzje al in rol. Yn Minskrotten-Rotminske nimme njonken ‘rjochtstreekse en net te stuitsjen’-reportaazjes fan radioferslachjouwer Haeije Hanenburg radio-kauseryen in wichtich plak yn.

Yn Sinleas Geweld binne sân televyzjejûnen oan de ein fan de tweintichste ieu beskreaun. Under de orizjinele nûmer fan sân kear ‘Samar in jûn’ hat Riemersma syn ferskate programma-ûnderdielen by elkoar swile. Hy kin der net allinne al syn argewaasje oer de mediagekte om it ferskynsel sinleas geweld hinne op in

Trotwaer. Jaargang 32 384 kolderike wize yn kwyt, mar ek noch hiel wat oare maatskiplike ûntwikkelingen en rare hypes fan de moderne tiid. Direkte oanlieding foar it skriuwen fan dit boek is ûnmiskenber de gewelddiedige dea fan Meindert Tjoelker yn Ljouwert en de reaksjes dêrop fan it publyk, de media en de polityk, en dan benammen de wikselwurking dêrtusken. It nijs fan de earste jûn begjint mei de dea fan Durk Koartfoardekop, dy't delstutsen is op 'e Brol yn Ljouwert, en letter wurde yn it boek noch hiel wat mear minsken op in gewelddiedige wize tramtearre. De televyzje docht der alle jûnen wiidweidich ferslach fan yn it nijs fan acht oere en komt der yn eftergrûnprogramma's, lykas ‘Yn 'e skynljochten’, wiidweidich op werom. Presintator Sjoerd Bargebloed praat alle jûnen mei meastal och sokke saakkundigen en besiket mei help fan syn eigen Roas Spoarnoas kriminele saken op te lossen. Ek yn oare programma-ûnderdielen komt it tema sinleas geweld hieltyd werom. Bygelyks yn de reklameboadskippen: de SKEMA komt mei in oanbieding foar in handich doaske mei tsien waksineljochtsjes en alle soarten fan kearsen dat brûkt wurde kin ‘as jo ûnferwachts bylâns in plak komme dêr't ien om it libben kommen is’. Hoewol't wy neffens de programma-oankundigingen alle jûnen ôfstimd binne op Omrop Fryslân Televyzje - it omslach fan it boek mei de foto fan in kollega-ferslachjouwster en kameraman moat dat gegeven kenlik ekstra fersterkje -, is it programma-oanbod folle breder en aardich mear as wat de regionale omrop ornaris bringt. Want njonken de aktualiteite-ûnderdielen, de reklame en it gesellich eameljen oer it waar fan Paulus Houtwjirm fan Hjelbeam - noch detaillistysker as syn konfrater Piet Paulusma - is der alle dagen in ‘soppige sjippesearje’ oer it advokatekantoar fan de twilling Harkeniel, fierders in dokudramaachtige seary oer in onkology-ôfdieling ûnder de titel ‘Siik is net dea’ en it misdieprogramma ‘Yn 'e blauwe broek’ mei Kobus Oranjekoek. Oan de ein fan alle jûnen is der in edukatyf en terapeutysk programma oer seks, spesjaal foar ‘seks-tigers’, en in meditaasje mei dûmny Olfert Eamelsek. Ek al stiet it Frysk praten fan omroppers en ferslachjouwers ticht by it deistige taalgebrûk fan Omrop Fryslân, en binne de lêzers dêrmei wol wer aardich ticht by hûs, trochkrûpte televyzje-sjoggers herkenne boppe-al de wûnderlike kombinaasje fan it trochsneed oanbod fan de kommersjele lanlike stjoerders mei dat fan de lanlike publike omroppen. Riemersma moat de lêste jierren dat oanbod yntinsyf observearre hawwe: omtrint it hiele assortimint oan programma's mei harren tvstjerren komt foarby. It format dêr't al dy sân jûnen yn treaun binne lit sjen dat er ek wat de foarm oanbelanget aardich ticht by de tv-werklikheid fan tsjintwurdich bleaun is. De jûnen binne yndield op in wize dêr't de kommersjelen destiids mei begûn binne en dêr't de lêste jierren ek yn Hilversum op programmearre wurdt: mei it idee om safolle mooglik sjoggers fêst te hâlden op de stjoerder wurdt ynformaasje yn in strak rezjym ôfwiksele mei ferdivedaasje. In bulte ferrassing en ûnferwacht nijsgjirrich tvoanbod kin men amper mear ferwachtsje: it liket hieltyd mear fan itselde te wurden. Utskreaun op papier falt soks nochris ekstra op.

Dat Riemersma it boek mei in protte wille skreaun hat, is hast op elke side te fernimmen. Mei de beskriuwing fan it hâlden en dragen fan de bruorren Pabe en

Trotwaer. Jaargang 32 Wabe Harkeniel lit er sjen hoefier't guon moderne advokaten geane om oan mear nammebekendheid en dêrmei oan mear opdrachten te kommen. Fleurige jonges

Trotwaer. Jaargang 32 385 binne it dy't betiden op in hast korrupte wize operearje en der sels net foar tebekskrilje om as Duo Deo by kristlike klups mei harren populêre repertoir te kommen (‘Jezus is myn kampioen’, ‘Seeën fan frede’ en ‘Der is libben nei de dea’). Ek oare programma's wurde brûkt om mei krityske kanttekeningen te kommen by it funksjonearjen fan maatskiplike en politike ynstellingen. De burokrasy yn sikehuzen (Akke Wanprestaasje), de rjochtse praatsjes fan plysjeman Kobus Oranjekoek, it holle praat fan bestjoerders en politisy. Minister-presidint Willem Kak dy't as antwurd op it sinleas geweld nei Ljouwert ta komt; kommissaris fan de keninginne Loekmans dy't op syn beurt safolle mooglik fan dy sitewaasje besiket te profitearjen (‘Wy komme oan de krapperein yn Fryslân, psychologysk, finansjeel en ekonomysk, dat is al jierren, wat sees ik: al ieuwen sa. Mar moarntejûn binne de ministers hjirre en dan ha wy de kâns om ús te presintearjen as aktive, fleksibele en multyfunksjoneel ynsetbere wrotters en wramers dy't slij binne nei de megaprojekten dy't ivich en altyd op de grutte bult fan 'e rânestêd bedarje.’) Riemersma hâldt de lêzer in kolderike mar faak ek bittere spegel fan it ôfrûne fin-de-siècle foar. Noch it meast haw ik my fermakke mei de fragminten dêr't de skynwrâld fan televyzjemakkers yn tekene wurde. Sjoeke Simpelsiel dy't yn har praatprogramma ‘Op slach fan tsienen’ alle mooglike lichaamlike en geastlike problemen mei alle soarten fan deskundigen (ynklusyf de prinses Irene-achtige baronesse Fan Djippe Bjusterfjild) behannelet. Berber Noaitteberoerd en har ploech op 'e onkologyôfdieling. Mar fral ek de ynteeltkultuer by de televyzje: misdiedsjoernalist Roas Spoarnoas dy't syn eigen programma ‘Op 'e farske died’ hat, mar dêrnjonken ek yn hieltyd mear programma's

fan syn kollega's Sjoerd Bargebloed en Sjoeke Simpelsiel figurearret. Ek komt oan 'e oarder hoe't televyzje binne de koartste kearen folslein ûnbekende minsken ta bekende Nederlanner meitsje kin: Geart Opsternaat is nei de gewelddiedige dea fan syn dochter Hinke Opsternaat mar leafst achtenfjirtich kear te sjen op de buis (‘Dan witte jo it wol. Der is gjin mins yn Nederlân dy't de namme Geart Opsternaat net ken. Ik bin like bekend wurden as de ministers.’)

Trotwaer. Jaargang 32 386

By it lêzen fan Sinleas geweld moast ik út en troch tinke oan de begjintiid fan de hegeprysters fan de tv-satire yn Nederlân: Kees van Kooten en Wim de Bie dy't alle moadieuze gepraat op sublime wize te kakken set hawwe. Sinleas geweld bringt op de bêste siden de klisjees fan it fin-de-siècle op in fermaaklike en orizjinele wize nei foaren. Riemersma is lykwols sa puntich net as syn tv-konfraters. Men hat as lêzer fan dizze roman, lyk as de moderne televyzjesjogger, gauris de oanstriid om fuort te zappen. It ferhaal slagget der net yn om jin fan it begjin oant de ein yn de besnijing te hâlden. De measte programma's duorje gewoan fierstente lang. Televyzje is folle flitsender en dêryn wike de útskreaune televyzjejûnen yn de roman noch it measte ôf fan de tv-werklikheid. De montaazje op papier hie folle skerper kind. De sjippesearje mei de advokatetwilling Harkeniel wurdt op 't lêst wol hiel langtriedderich. Misdieferslachjouwer Roas Spoarnoas follet mei syn referaten oeren televyzje, mar dêr sille net folle by de buis sitten bliuwe as syn programma wer begjint. Nei twa sjuchjûnen wit men it wol sa ûngefear, men bedarret fierders nergens, al sil soks nammers ek net de bedoeling west ha fan Riemersma. Kurieus is Riemersma syn foarútsjende blik. De mediagoarre nei oanlieding fan de dea fan Meindert Tjoelker wie noch mar in begjin. Der soe noch hiel wat oer ús hinne komme, bygelyks nei oanlieding fan de moard op Mariannne Vaatstra ein april 1999. Ik ha begrepen dat de roman al skreaun wie foar dat tragyske barren. Yn Riemersma syn boek is Geart Opsternaat net allinne de treurjende heit fan syn fermoarde dochter Hinke, mar bemuoit er him ek mei de polityk as er de politike partij Soarchsume Mienskip oprjochtet. Soks bringt jin de hiele diskusje yn 't sin dy't der yn Kollumerlân komme soe oer de asylsikers, ynklusyf it sporthaloproer. En ek it hiele gedoch om de saneamde reality tv-rige Big Brother hinne moast noch begjinne. Stof genôch dus foar satire yn televyzjefoarm of foar in nije satiryske roman.

Trotwaer. Jaargang 32 387

Wilco Berga

Liet fan oaren

Hiest de moed ús it sjongen by te bringen, do, de ienichste dy't prate mocht; master fan toan en liniaal op ambyld, wiest ús liet mei hannen en fuotten. Symfonyen klonken, fan ien dy't wichtiger wie as de jonge krie foar 't rút, trije fammen op ien fyts.

Se seine datst gjin hûs hiest, sels gjin bêd, mar slieptest ûnder woartels fan 'e wylch, lykas de rôt yn 'e sleatswâl, ûnberikber foar de hoan, it knisterjen, it hoastjen as ferset. Dyn tsjuster stal woe dat wy songen op suvere, hast religieuze toan, en

diest it foar, as ôffurdige fan ingels, sonoar, fibrearjend; hiest it oer skientme, nea oer myn stikem swijen. Bist earne stoarn, se sizze yn 'e sliep, do rôt, dêr yn dyn hoal, dyn dampich bêd. Skerp harkjend, hear ik immen sjongen, lûder as it liet fan oaren.

Trotwaer. Jaargang 32 388

Doarp mei flaggen

Ik ryd de dyk del, dy fan Himmelum nei Starum oer de gloaiïngs fan Warns, en fan fierren is 't al dúdlik, dizze doarpen hawwe wat te fieren.

De stêd hat my bedoarn mei flaggen, tekens fan opteinens yn alderhande kleuren. Sa'n stêd hat altyd wat te fieren; as de kat werom is, as winkels iepenje, hast alle dagen wol in jierdei, en ik kocht my earm oan kadootsjes. Suver elk haw ik dêr moete; de rike en de earme, de slûge, de tûke, de beskiedene, de lieder.

Dy har heiten, heiten fan 'e skiednis, sis mar dy fan 1345, wiene yn dat jier ferslein fan see werom kaam.

Ik ryd by flaggen lâns, de grutste stiet by see. Kloften jongfolk, bern fan 'e skiednis, sis mar dy fan no, ha dúdlik wat te fieren.

Trotwaer. Jaargang 32 389

Eilânliet

In wykein yn 'e winter de stêd út; nei see, om te swalkjen en om sicht op it ûnmjitlike. Sitst mei heechút fyftjin oare reizgers op 'e hege, wite boat dy't oeren omdwaalt yn 'e middeisskimer, en dan dochs ynienen it Waadeilân. Ein fan 'e reis is hotel Brandaris, yn 'e gong bernefytskes, wiete jassen en as iere snie in spoar fan gielwyt sân.

Yn in sealtsje ploechjes gasten, pratend op sêfte toan, op skilderijen fine rêdings plak, skippen stean yn alle rêst yn brân. Hurder lûd komt fan de iters, in bern smyt mei bestek, mem is dôf. Gjin sicht op see, dochs draacht in hûn de roken mei en is it wachtsjen op it fjoertoerljocht oer dakken op 'e oare kant in kwestje fan sekonden.

Hearst de hoarn fan de lêste boat, trije kear in heaze rop, suver skuldich; ûnûntkomber is men eilân wurden, libjend op ôfstân, smokend, drinkend.

Tij is kearend, ljocht is hastich, flechtet hieltyd oer deselde dakken. Ast yn 'e moarntiid fuort giest, hast it oan 'e skuon, stiiffêst, oant yn 'e stêd it gielwyt sân.

Trotwaer. Jaargang 32 390

Tegels Meinou P.

As der yn de hjerst dagen binne dat de wask bûten droege wurde kin, wuolje my by it ophingjen gauris flagen fan ûnwennigens nei fakansje en fiere oarden yn it liif om. Dat is gjin tafal. Myn kniperbak is nammentlik myn sûvenirsdoaze. Tink no net dat it ien is mei allerhande prachtige skulpen en in plaknamme yn sjike letters derop. Soksoarte oantinkens haw ik ófleard mei te nimmen doe't ik ús mem har gesicht seach by in lyts, rûn skulpedoaske út Veendam, wêr't ik by in freondintsje útfanhûze hie. It hat wol jierren op har buro stien, dat moat ik har neijaan. Nee, ik wurd mankelyk fan de knipers. Wy binne hûskehierders en út alle húskes dy't wy bewenne hawwe, haw ik in kniper stellen. Pak ik de grutte, houten clothes-peg, dan bin ik yn Ierlân en dan ryd ik wer mei Mrs. O'Melley yn de Mercedes nei de barn earne fier op 'e romte in pear kilometer fan ús cottage ôf. De skiep hawwe dêr mei min waar har ûnderdak en der is in lange line spand. Mrs. O'Melley seit dat de wask yn in dei droech is as ik de doarren tsjin elkoar iepen set. En dan wit ik wer krekt hoe't ik my fielde doe't ik in pear dagen letter mei de skjinne, wiete wask yn in wite koer troch de streamende rein fan de auto nei de skuorre draafde en dêr midden tusken de skiep op in wippelige kiste stie om by de line te kinnen. Lake Corrib hie ik fan dat plak ôf sjen kinne moatten, mar alles wie griis. Fan dy út de Harz yn Dútslân is noch mar in helte oer. As ik dy per ûngelok yn de hannen krij dan mompelje ik ‘Wäscheklammer’ om't ik dat wurd doe leard haw en fierder eins net safolle mear fan dy fakânsje ôfwit. De Noarske namme foar kniper haw ik noait leard, mar it is in prachtich rôze eksimplaar. Dy docht my tinken oan hoe't ik, as wy troch hierspjeldbochten op de hutte heech yn de bergen oanrieden, op ien plakje de giele handoek dy't ik de moarns ophongen hie, wapperjen sjen koe. De pince à linge út Frankryk is de meast resinte. Hy hat mear fan in tankje as fan in kniper en is fjoerread. Hy sjocht der djoer út en de âld herdershûn, dy't dêr altyd ûnder de line lei, seach my bestraffend oan doe't ik him yn 'e bûse die. Ik wit net wêrom't ik yn de hjerst faker as oars sa weemoedich wurd fan myn kniperbak. Om't fakânsje en simmer no echt foarby binne en om't it sa lang duorret foar't der wer in kniper by komt? Fêst stiet wol dat der ek wer in tiid komt dat ik yn sân hasten de wask yn de droeger smyt en dat iene shirtsje dat dêr net yn kin oan it droechrekje hingje sûnder der by nei te tinken. Mar as ik ea yn in âldereinhûs bedarje en allang net mear myn eigen wask doch, sil grif earne ûnder yn in kast yn myn keammerke noch in pûdsje mei allerhande soarten fan frjemde knipers lizze. En nimmen wit dan wêrom. Miskien iksels ek wol net mear.

Trotwaer. Jaargang 32 391

God fan 'e Singel pyt jon sikkema

Steven H.P. de Jong, In spylman op it binnenpaad / 20 fariaasjes op ‘20 lytse românsen’ / in ‘ferhaleroman’. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 260 siden. f 39,50.

In stomme opmerking fan in ynterviewer, in ad rem andert fan in Nederlânsk auteur, in brainwave fan in Frysk auteur en sjudêr: Steven de Jong skept wat nijs ûnder de sinne! Sa fernijt ‘De skriuwer’ ús yn it ‘Foaropwurd’ fan In spylman op it binnenpaad dat in wat kiezzich andert fan Jan Wolkers him ‘op it idee brocht dat fersen ynspirearje kinne ta ferhalen’. Prachtich! En dan by elk fan de fersen út de bondel 20 lytse românsen (1983) fan de te uzes net ûnferneamde Steven de Jong in ferhaal betinke. Alwer wat nijs yn de Fryske literatuer. Hoe soed er dat no oanpakt ha? En dus: hoe soe ik it sels oanpakt ha? De românsen derby, dus. In bondel dy't wat agrarysk oandocht; as der ris in stêd yn foarkomt, is dat ek noch in midsieuskenien. Undergeande sinne, nacht, dream, sliep en stoarjen spylje noch alris in rol. Yn de rin fan de bondel wurdt it ien en oar wat mear ferhaaleftich, minder iepen/dûbelsinnich. Românse IV, ‘stobben’, fûn ik in moai gedicht om ris oer gear. Wat assosjaasjes nei oanlieding fan dat gedicht: ○ in stobbe-eftich mantsje, in stil wetter mei djippe grûnen? syn libben is mislearre en dreamen en loftkastielen bliuwe him oer. de realiteit en de dream soene yninoar oerrinne kinne. en yn in magysk slot soed er weiwurde kinne. ○ Red Watson, de speleolooch/filosoof dy't in winter yn Koehoal tahood en stinde oer de kontrasten tusken it ientoanige platte lân yn

Românse IV

stobben

ús hûzen binne lyts ús lân is plat mar wy bouwe geweldige loftkastielen

wy binne noait thús en dogge neat as stean oerenlang oan 'e kant fan it wetter

wy stoarje grimmitich de ûndergeande sinne nei it antlit tefretten fan waar en wyn

stobben oan 'e igge fan 'e mar

Trotwaer. Jaargang 32 yn 'e nacht wurde wy wei ien mei 't swarte wetter fan ús dreamen

Trotwaer. Jaargang 32 392

Nederlân en it ferskaat oan toetjes, koekjes, dropkes en sa. sit der in geheimsinnige grutte wrâld ûnder de kant fan it wetter? ○ wy binne noait thús: de frou tinkt oan oerspul etcetera. har fantasyen binne folslein oars as dy fan har man, gewoan oan de kant fan 't stille wetter. de frou kriget it yn 'e rekken en wurdt bazich en de man flechtet en giet à la Dafne op yn in stobbe ‘yn 'e nacht’. ○ hyltyd binne it wat assosjaasjes à la Marten Toonder syn ‘oare wrâlden’. kin ik ek wat maatskiplikers betinke? bin de loftkastielen politike idealen? no nee: aksje sit der net yn mei dit fers. miskien is der noch wat mei de ûndergong fan de âlde boerestân: gremitich en ûndergeande sinne. mar binne dy dreamen no sa posityf? ‘it swarte wetter fan ús dreamen’...

Myn earste assosjaasjes wiene benammen op it byld basearre: in pake, swarte marren. Letter bin ik wat mear yngien op de tekst. It is wol dúdlik: der binne in soad ferhalen fan te meitsjen. En dan soe men ek noch gear kinne oer de ferhâlding tusken it hiele fers en (de) aparte dielen derfan. Wat nijs ûnder de sinne komt deroan. No, wat de gedichten oangiet, falt dat ôf. Haadstik 4, ‘Oan 'e kant fan 'e mar’, jout wol dat byld fan in mantsje dat him as in stobbe fielt, mar fierders spilet it gedicht inkeld in rol as gedicht dat troch Feike Fidel foardroegen wurdt. Letterlik foar bargen, dat de pearelfunksje fan poëzij wurdt hjir fyntsjes oan 'e oarder steld. Yn dit haadstik, lykas yn oaren, stelt it boek my teloar: gedichten besteane en wurde foardroegen (en oer it generaal net wurdearre); mei de ynhâld derfan wurdt foar myn gefoel net it measte dien. Inkeld yn ferhaal nûmer 14 en 16 sit in oanpak sa't ik dy ferwachte hie: de sfear fan it lêste diel konkretisearret it fers sûnder it folslein te ferprozaïsearjen. Mar ornaris is it allegearre safolle gewoaner as ik tocht hie: folle roman-eftiger. Benammen it bekende gedicht oer Slauerhoff (Românse X, ‘j j s’) ferliest in soad fan syn sjarme, as bliken docht dat Feike oansjoen wurdt foar Slauerhoff en dat wer (kundich!) ynbreide wurdt yn ús Feike-roman. Just by dit min ofte mear sintrale haadstik freegje ik my ôf wat Steven de Jong dan eins mei dit boek wol. Foar my is it safolle gewoaner as de ynlieding my ûnthiet, dat ik tink dat de kearn fan it boek net yn de grutte ferhaallinen sitte moat, mar yn al dy details dêr't de auktoriële (alwittende) ferteller (‘Steven de Jong’, s. 115; fan s. 123 ôf: ‘Piter Wrotter’) de lêzer mei ferdivedearret. Yn dat tsiende gedicht fan de tweintich românsen komt Larrios foar, de frou út ien fan de ferhalen fan Slauerhoff, dy't de ferteller moetet oer de hiele wrâld, mar net krije kin. Sa (sawat) komt Feike Fidel ‘(want sa hyt de man)’ troch it hiele boek Martsje Dekema tsjin. Yn it foarige haadstik hat er mei har in nacht trochbrocht, yn dit tsiende (min ofte mear sintrale) haadstik rekket er har wer kwyt. Is it Larriostema it sintrale tema yn it boek? En dy Martsje Dekema, hiet dy hûndertsechstich jier ferlyn net Madzy Dekama, yn De roos van Dekama fan Van Lennep? (Ek Feike realisearret him dat en hat it gefoel dat Martsje ‘yn wêzen [...] in literêr tema’ is.) En gie se net om mei in Deodatus, ‘de fan God jûne’? It boek is ferdikke in literatuertest! Hjir wurde de literêre bokken skaat fan de skiep (aldergelokst yn de privacy fan ús luie lêsstoel): de belêzenen (wy?) kinne tarre út 'e romte en mei alderlei yntertekstuele assosjaasjes har (ús) eigen betsjutting yn it boek lizze.

Trotwaer. Jaargang 32 Sa'n fan God jûne is ek Feike Fidel: it boek hâldt net op mei ús te ferdútsen dat dy dichter/sjonger ús jûn is troch syn skepper en skriu-

Trotwaer. Jaargang 32 393 wer. Yn haadstik XI (by in boek fan tweintich haadstikken is it alfte al like sintraal) wurdt (alwer) wiidweidich (en slim yngewikkeld) pield mei de ferhâlding tusken ferteller en skriuwer. Dit boartsjen mei fiksje en realiteit is ien fan de saken dêr't it boek ús mei (‘konfrontearret’ is in grut wurd) yn 'e kunde bringt. De problemen en mooglikheden fan fiksje hâlde de skriuwer yn 'e besnijing. Skriuwers hjitte hjir sels ‘ekshibisjonisten fan har eigen siel’. En as dat haadstik wier sintraal is, is de kearn fan it boek in boargerlik amtnerke dat ek skriuwt en dat no ris oer de grins gean wol. Wat der op del komt dat de minske het meest / [lijdt] door het lijden dat hij vreest. De selsspot spilet net swak by yn In spylman op it binnenpaad: oan de ein wurdt ús ek de genealogy fan Piter Wrotter ferdútst. En ek dêre is wol wat werom te finen fan dichtinge en wierheid trochinoar.

It titelhaadstik is ien fan de ferhalen dy't my it meast oansprekke (der sit ek kop en sturt oan, dat is wol maklik; it gedicht wurdt hjir wat filosofysk konkretisearre, ek wol aardich). Feike kriget hjir ien fan de grutste teloarstellings fan syn libben te ferwurkjen, fansels fan de kant fan in prachtfrommes: syn keunst slacht net oan by de jongere generaasje en hy wurdt yn Burdaard(!) fan de brêge ôf ghettoblastere. Hy moat konstatearje dat de âldere generaasje dêr in oansprekkende ferklearring foar hat (mar dêr wol men net by hearre fansels, dat de skriuwer lit dy efkes slim trochdrave). Oan de ein fan dit haadstik parafrasearret Feike/de ferteller it slot fan românse XIV: ‘wa is dochs... / ûnbegryplik / miskien bin ik it sels wol’. En dêr komt, net foar it earst, in eksistinsjele frage op. Deselde dy't yn de slotrigels fan it boek opkomt? ‘Hoe bestiet it, tink ik, dat er de wurklikheid net sjen wol... of...?’ Om't it boek foar in grut part giet oer it al of net gearfallen fan haadfiguer en ferteller en implied author en skriuwer, doar ik it oan en folje dat oan mei: ...of dat ik dat bin en dat ik dat net wol. Wa binne wy, sels as wy God binne? Ut en troch kin ik wol in bytsje gnize om de jeuzelhumor dy't In spylman op it binnenpaad yn him hat, mar it duorret my te lang allegearre: sidenlange beskriuwings en beprakkesaasjes fan lyts en grut leed dogge ôfbrek oan de irony - dêr't ik fan tink dat dy wol de bedoeling wie. Sa is der in prachtige sin op s. 203: ‘Ik ha ek hiel wat ôfleard.’ Mar allinne humor mei dan noch in semyfiktive romanfiguer as ‘Steven de Jong’ oereinhâlde, it is te min om in optochte Feike Fidel libben yn te blazen.

De realiteit en de dream út myn ferwachting haw ik yn dit boek genôch fan krigen (dêr't ik sa'n wurd om sis), oerspul sit der ek gesellich yn. De polityk komt hjir en dêr oan 'e oarder, mar ‘folslein út 'e tiid’ (s. 218). Dat jildt al gau ek foar de aktualiteit fan 1998. En sels it weiwurdersslot haw ik krigen. Fierders is oan myn ferwachtings net beäntwurde. Dêr kin in boek allinne mar better om wêze. Dit boek lykwols net: dizze roman ‘dy't josels foar in part komponearje moatte’, hat my te min útdage om dat yndie ek te dwaan. Utsein in inkeld plakje dêr't men fan tinkt: wêrom slut no XIV oan by v? Is de folchoarder fan de ferhalen eins sa willekeurich dat ik de oanbeane folchoarder foar leaf nommen en it boek as in gronologysk gehiel lêzen haw. It Larrios-motyf, de ferwizinkjes (fan De Kast nei Mulisch), de skriuwer/ferteller/implied-author-boarterijkes, de selsspot/boargerlikens, de kulturele

Trotwaer. Jaargang 32 generaasjekleau, de eksistinsjele ûnwissens, Steven syn queeste hellet in bult oeral, mar wat er yn wêzen oeral helje

Trotwaer. Jaargang 32 394 wollen hat, komt men net yn ien kear út. By werlêzen is de herkenning oars in aardich aspekt: dit ferhaaltsje, o ja!, dat ferhaaltsje, och ja... In register by de roman (al is dat spitigernôch net orizjineel mear) hie tige noflik west. As ik no it hiele boek besjoch, haw ik it idee dat it benammen giet om dy yntertekstualiteit, om it boartsjen mei de ferwizinkjes; yn dit boek is Steven de Jong in spultsjeman op it fersepaad. It boek boeit my lykwols net genôch om dan djipper te dollen en yn in allesomfetsjende analyze (mocht my dat al slagje) doel en struktuer fan al dy ferwizings troch te krijen. Mar as ik nei it slot sjoch, dan hâld ik as wêzentlik boadskip oer, dat wy as in fearke yn Gods hân binne: bin wy net allegearre lykas Feike Fidel, sa't er stjoerd wurdt troch de pinne fan Piter/Steven? It is dizze God fan 'e Singel dy't boartet mei syn haadfiguer, dy't boartet mei fiksje en werklikheid, dy't syn boartsjen oerhâldt as lêste wapen tsjin de boaze bûtenwrâld. Dat er yn dit gefal syn humor foar in baarch as ik smiten hat, is spitich. Want ek dit is poëzij, alteast Dichtung. Mar de poëzij fan 20 lytse românsen sûnder dizze Dichtung haw ik leaver.

Trotwaer. Jaargang 32 395

Wrakselje mei iensumens Elly Veltman

Oene Spoelstra, Kommen en gean. Koarte ferhalen. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 96 siden. f 19,50.

Kommen en gean, it proazadebút fan Oene Spoelstra is in ferhalebondel mei gewoane minsken yn 'e haadrol. No ja, gewoan... Op de ien of oare manier tilt it net op fan 'e blommen yn it libben fan dizze minsken. Stik foar stik lizze se of komme se mei harsels yn 'e knoop, allegearre wrakselje se mei itselde: se binne iensum. Om dy iensumens te trochbrekken besykje se yn kontakt te kommen mei oare minsken. Mar de leafde, de oandacht dêr't se om freegje krije se net, se bliuwe allinne. Yn it titelferhaal siket in âld man, guodlik, mar iensum, kontakt mei in bidler. De man lit him tinke oan syn heit. Hy jout de bidler iten en drinken en hellet him op 't lêst yn 'e hûs. Mar dan giet it op 'e kop ferkeard: de bidler bedonderet de âld man en set him moarns ier-en-betiid op strjitte. Ek yn ‘Jierdeifeest’, it iepeningsferhaal moetsje wy in âld man. Syn frou is dea en hysels sjocht it net mear sitten. Hy freget syn soan om help, mar dy wegeret dat. By einsluten yt er de pillen fan syn dochter op. Mar it binne net allinne âlde minsken dy't wrakselje. Sa is der ek de jonge Marokkaan Abdelkader dy't troch omstannichheden út it waarme lân fan syn pake yn it kâlde Fryslân fan syn heit telâne komt. Hy wrakselet him troch de taal, de skoalle en it libben en ferliest syn hert oan Eke, wylst syn ferstân wit dat der yn Marokko in breid op him wachtet. Op in kâlde winterdei leart Eke him riden en op it iis priuwt er de waarmte fan de leafde, mar ûnder datselde iis fynt er syn dea as hy yn in wek falt. Spoelstra boartet hjir hiel aardich mei de begripen kâld en waarm. Marokko is in waarm en feilich lân foar it lytse jonkje, mar ien kear yn it kâlde Fryslân fynt er as jongfolwoeksene de waarmte fan eartiids wer werom yn Eke, wylst Marokko kâld en ûnfeilich wurdt yn 'e foarm fan it ferstânshoulik. Yn it ferhaal ‘It reiske’ is Spoelstra op syn best. In mem skillet har soan yn Amearika op. Se is fan doel om tegearre mei har man de soan nei tolve jier op te sykjen. De soan hat dêr gjin ferlet fan, ek al giet it net goed mei him. Syn mem begrypt der neat fan en is ferbjustere as de soan it tillefoanpetear ôfbrekt troch de hoarn op 'e heak te kwakken. Se siket help by har man, mar dy kin se ek het berikke. It leed fan 'e mem wurdt hiel subtyl delset, om't Spoelstra allinne de wurden fan it tillefoanpetear fan de frou op papier set hat. Dêrtroch krijt it ferhaal fansels spanning, mar tusken de rigels troch fiele je foaral de pine, it fertriet fan de mem, dy't mar gjin kontakt krijt mei har soan en - nei't letter blykt - ek net mei har man. Hoe allinne kin in minske wêze? Ik moat bekenne, ik moast hast gûle. Gelokkich steane der yn 'e bondel ek in pear ferhalen dy't earder tragykomysk binne, al binne se net minder dramatysk. Sa is der it ferhaal fan Simen en Jan dy't op krekt it selde plak fersûpe as harren heit en mem in moanne dêrfoar. Dat is fansels net bêst, mar it is in tikje te betocht. Ek it lêste ferhaal, ‘Mefrou P.’, dy't idolaat is fan it keningshûs en dêrom fan har kostgonger alles witte wol oer prinses Marijke, dy't

Trotwaer. Jaargang 32 396 ek pedagogyk studearret yn Grins. Net it bêste ferhaal út de bondel mar it hat wol humor, swarte humor.

De san ferhalen binne stik foar stik de muoite wurdich om te lêzen. Net allegear like moai, mar wol mei genôch iepen plakken dy't de lêzer sels ynfolje kin. Dat makket de bondel tige lesber. Dêrneist is de wize wêrop't Spoelstra it tema yn de ferskate ferhalen útwurket hiel ôfwikseljend. Iensumens komt by alle mooglike minsken foar, sawol by âlde as jonge, mar ek by frjemde en by eigen minsken. De skriuwer siket nei de essinsje fan it bestean: ‘Wa bisto, wat wolsto en wêrom rint it gauris mis?’ stiet der op it omslach fan it boek. Tige nijsgjirrige fragen, mar oft it no allegearre sa kald, sa ôfhâldend, ja, betiden sels sa negatyf is as Spoelstra it yn syn ferhalen útwurke hat, betwifelje ik. Fansels, yn it libben reint it net altyd roazen en anjelieren, mar neffens my is it dochs de muoite wurdich om te libjen, en dat ynsicht miste ik wolris yn dizze ferhalen.

Oebele Naneur

Oebele Naneur

Jo Smit syn besprek fan Piter Boersma syn De reis fan Labot (Trotwaer 1979, 52) wie nochal ôfwizend, hy neamde de haadpersoan ‘in Fries fan it minne soarte’ (kostlike útdrukking nammers) en ek in ‘Oebele Naneur op 'e fyts’ - de titel fan 'e resinsje. Datlêste hat my altiten yntrigearre. Wat bedoelt er dêrmei? Jo Smit hold fan seksgrapkes. Fergelykje út syn grut essay oer Shakespeare: ‘In tekoart is ek dat it begryp “ontmaagden” der yn [it Frysk Wurdboek, T.R.] untbrekt. De wurdboekôfdieling fan de Fryske Akademy koe my ek net ynljochtsje: it apparaat is dêr blykber net op berekkene’ (Jo Smit, De moderne roman as moraliteit, 153). Ik tink dat wy by it oplossen fan it riedsel Oebele Naneur ek even ús dirty mind ynskekelje moatte. Wat stiet op syn nammebuordsje neist de doarbel? O. Naneur. En dan is de saak dúdlik. De haadpersoan fan Piter syn boek is ien dy't mei himsels ompielt, dat it kloppet alheel. Bin ik no de iennige kloat dy't de mop earst twintich jier letter troch hat en hienen jimme dit allang untdutsen, of kom ik wier mei wat nijs? Tr. Riemersma

(Sjoch ek de oprop foaryn dit nûmer. - Red.)

Trotwaer. Jaargang 32 397

Doelleas pingelje Sjoerd Bottema

Nyk de Vries, Rezineknyn. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2000. 238 siden. f 24,50.

It leit foar de hân en ferlykje it debút fan Nyk de Vries, Rezineknyn, mei Dammen met ome Hajo fan Meindert Talma. Beide boeken binne koart nei elkoar ferskynd, de beide skriuwers kinne elkoar goed, komme beide út it fermidden fan it studintebled De Blauwe Fedde en meitsje beide diel út fan in ploechje muzikanten dat bekend stiet as Meindert Talma & the Negroes. Beide boeken spylje yn deselde soarte omkriten (dy fan Surhústerfean en Noardburgum), yn likernôch deselde tiid (lêste desennia fan 'e foarige ieu) en ûnder itselde slach lju (plattelansjongeren yn 'e boppebou fan it fuortset ûnderwiis). Dêr hâlde de oerienkomsten mei op. Want wat in ferskil! Hoewol't ek by Meindert Talma it aksint leit op 'e middelbere skoallejierren beslacht syn boek in folle langere perioade: fan 'e bernetiid ôf oant en mei it begjin fan it studintelibben yn Grins. Talma giet yn grutte halen de ups en downs bylâns. Nyk de Vries beskriuwt in pear wike út it libben fan in hantsjefol learlingen yn 'e boppebou fan it middelber ûnderwiis, de lêste wiken foar de fakânsje. Hy docht dat fan dei ta dei, fan oere ta oere. Dêrby wurdt gjin sucht of skeet oerslein. Sa hobbelje wy fan hûs nei skoalle en werom, fan lokaal nei lokaal, fan tentamen nei tentamen en fan de tee nei de kofje mei út en troch in ferfeelsum feestje wêrby't de haadfiguer der sa no en dan even út moat om te pisjen. De Vries beskriuwt dat libben oan 'e iene kant minusjeus - mei in skerp each foar allerhande details - oan 'e oare kant ôfstannelik en oerflakkich - mei foarbygean oan wat der wêzentlik yn dy jongelju omgiet, of it soe wêze moatte, en dêr hat it alle skyn fan, dat der net folle wêzentliks yn harren omgiet: gjin eangst, gjin fertriet, gjin hope, gjin langstme, gjin hertstocht, gjin pine, gjin striid. No wol ik net beweare dat in boek stiif stean moat fan datsoarte ‘grutte’ gefoelens, want dan draait it al gau út op in draak, in melodrama, mar hielendal sûnder kin it net. Ek al is de werklikheid noch sa banaal en saai, en is it it doel fan de skriuwer om dat sjen te litten, it kin net de bedoeling wêze dat syn boek krektlike saai wurdt, en dat is it probleem mei Rezineknyn, as de werklikheid dy't it beskriuwt, de skriuwer sil dochs wat oan de realiteit tafoegje moatte, in doasis humor, in poarsje emoasje, in superieure styl of dat allegear tagelyk, lykas yn De avonden fan Gerard Reve. Dat is wat my oanbelanget ek de iennichste reden om dy beide boeken mei inoar te ferlykjen: as foarbyld fan hoe't it net moat en hoe't it al kin. In ferliking fan Rezineknyn mei Dammen met ome Hajo jout deselde útkomst. Meindert Talma skriuwt, fertelt; Nyk de Vries skriuwt op, registrearret. Talma syn boek hat, hoe fragmintarysk oars ek, dochs in soarte fan ferhaalline mei wat fan in klimaks deryn (it bemasterjen fan 'e wrâld, it neijeien fan in hopeleaze leafde, de ivige damstriid mei ome Hajo). By De Vries sukkelt it ferhaal kalmwei troch, sûnder hichte- of djiptepunten, egaal en griis, fan dei nei dei. De term ‘ferhaal’ is hjir trouwens net op syn plak, want

Trotwaer. Jaargang 32 398 in ferhaal sit der hielendal net yn. It is inear in ferslach fan immen dy't neat meimakket dat belang hat en dat dan sa droech mooglik opskriuwt. Droech en droech is twa. Talma kin ek droech wêze, en hoe, mar dan giet it earne oer, bygelyks yn it ferhaal oer buorfrou Jitske en har hûntsje Jappie, neamd nei buorfrou har man silger om't it dierke bytiden deselde senuweftige trekjes fertoande: ‘Na een bezoekje van Jitske aan de supermarkt van Fred van der Werff vertoonde Jappie op de bijrijdersstoel verschijnselen van opwinding, wat zou kunnen duiden op een aankomende epilepsie-aanval van Jappie, die daar wel vaker last van had. Rijdende controleerde Jitske of het wel goed kwam met Jappie. Jitske verloor de macht over het stuur waardoor de auto van de weg raakte en over de kop sloeg. Jitske moest door de heftige crash, na twee dagen in het ziekenhuis gelegen te hebben, het leven laten. Jappie kwam er met een paar schrammen van af.’ Dat kontrast tusken dramatyske ynhâld en lakonike, koele registraasje jout Talma syn ferslach in spanning dy't by De Vries folslein ûntbrekt. As Talma de klandyzje fan ome Hajo typearret, docht er dat sa: ‘Ome Hajo toeterde een paar keer. Even later stapte een vrouw van middelbare leeftijd met een bepaald uiterlijk in de SRV-wagen.’ Der wurdt wat hinne en wer praat en dan komme der twa nije klanten: ‘Er stapten nog twee andere vrouwen van middelbare leeftijd met een bepaald uiterlijk in de SRV-wagen.’ Dy op himsels neatsizzende beskriuwing wurket hjir suggestyf en wurdt troch de herhelling komysk. By De Vries binne de neatsizzende beskriuwings dêr't syn boek stiif fan stiet, gewoan neatsizzend. Prachtige anekdoates steane der yn Dammen met ome Hajo. Bygelyks dy oer ome Hajo syn fisioen yn 'e krystnacht (it snijt ek noch), wêryn't de kassière fan de C1000, dy't troch ome Hajo ‘ingeltsje’ neamd wurdt, har bynamme eare oandocht. Ome Hajo nimt in bad foar't er nei de krystnachttsjinst sil. As er út bad sil, kin er net oerein komme. Alle krêften binne út syn earmen weilutsen. Wat der doe barde, fertelt ome Hajo in pear wike letter oan Meindert en syn heit en mem:

... hoewel hij voor zijn gevoel al uren in bad had gelegen en zijn ogen steeds dicht vielen, voelde hij opeens een paar stompen in zijn zij en scheen er een fel licht in de douche. Hij deed zijn ogen open. Voor hem stond ingeltsje. ‘Wa?’ vroeg mem verbaasd. Een engel, ingeltsje. Luid en helder had haar stem door de douche gegalmd: ‘Wees niet bang, Hajo, want ik heb goed nieuws voor jou. Jij hebt nu lang genoeg in bad gezeten. Ik ben hier gekomen om jou eruit te helpen.’

En dat die ingeltsje. Alles oan ome Hajo wie ferskronfele, mar se hold de eagen iepen en seach him gewoan oan.

Ze zei: ‘Kom met mij mee.’ En dat had hij gedaan. Hij ging met haar naar buiten. Maar ze ging opeens bij hem weg. Hij zag haar gaan, vol schoonheid en zuiver en wit als sneeuw.

Sokke krinten sil men yn de rezinebrij fan Nyk de Vries fergees om sykje. De flaptekst fan Dammen met ome Hajo hat it mei rjocht en reden oer ‘kleurrijke karakters’ dy't ‘op tragikomische wijze’ beskreaun wurde. By Nyk de Vries neat fan

Trotwaer. Jaargang 32 dat alles: it is net kleurryk, it is net tragysk en it is net komysk. It is neat mei neat. Der komt net ien ynteressante gedachte of nijsgjirrige dialooch yn foar. We dronken een glas (dat drinken moat men jin trouwens net tefolle by foarstelle; it

Trotwaer. Jaargang 32 399 giet faker oer kofje en tee as oer drank) en we deden een plas (alle kearen dat de haadfiguer pisje moat, wurde wy der yn dit boek, dat nergens oer giet en dochs ergens oer gean moat, dielgenoat fan makke). En dan mar wer op hûs oan: ‘Dy cd hear ik noch foar de helte. Dan sis ik dat ik mar werris útnaai. “Ja,” seit in opfearjende Tjitske, “ik sil ek mar werris op hûs oan.”’ En sa swingt de iene dialooch nei de oare de panne út. In ferfeelsume kofje- en teedrinkerij mei praat fan âlde wiven. Sa skriuwt Nyk de Vries ek. As in âld wiif: ‘De kofje smakket bêst. It bakje is presys goed kwa sterkte en hat krekt genôch suker en molke.’ Om foar de breanedige ôfwikseling te soargjen hat de skriuwer it letter oer ‘in bakje leut’. Ja, dat stiet der werklik: in bakje ‘leut’! Alde wiven meie graach oer it waar eamelje en by De Vries is it net oars: ‘It is [...] opnij gjin sprút kâld. Wol is de loft de hiele dei beset...’ ‘Troch it moaie waar is de tún in pracht. De lupinen steane yn folle bloei en benammen de snijbeannen sjitte hurd de grûn út.’ ‘Hjoed is 't tiisdei en it waar is dúdlik minder útlitten as in pear dagen lyn.’ ‘Mei in sunich sintsje op 'e glêzen noaskje ik nochris troch de bylage...’ ‘... mei de sinne derby en de wyn yn 'e rêch wurdt 't in aardich fytstochtsje.’ Skriuwt Nyk de Vries as in âld wiif, flokke docht er as in weiten hin: ‘Potdomme’, lês ik op side 63. Grouwélige klisjees, Nyk de Vries skammet him der net foar. Alle kearen as er pisje moat, seit syn alter ego: ‘Ik sil de geit marris ferstekke.’ Kin it noch âldmanniger en klisjeemjittiger? Ja, dat kin it. As de haadfiguer even net wit hoe't it yn 'e takomst komme sil, skriuwt Nyk de Vries: ‘De tiid sil it leare.’ Ja, wiswier minsken, dat binne de wize wurden fan Nyk de Vries, ien fan ús jongste Fryske skriuwers, noch gjin tritich potdomme. Wat dat wurde moat... De tiid sil it leare, van het concert des levens krijgt niemand een program.

... sittendewei reitsje we oan 'e praat oer samar wat ûnderwerpen; bygelyks oer it bysûndere fan 'e nacht, in tema dat we no ûngefear in jier lyn ek al ris by de poat hienen. Dêrmei wurdt ús petear rillegau in populêr-filosofys ferhaal, mar om't we beide begeistere binne, hâlde we it maklik pratende.

Begeistere? Ik ha der neat fan fernommen. De Vries registrearret sûnder rook of smaak, of sa't er it sels seit, hy pingelt mar wat: ‘... even dêrnei lis ik al wer achteroer op bêd, no mei de gitaar yn 'e hân. Sa lis ik miskien wol in oere doelleas te pingeljen...’ Better koe er it net sizze. Want dat is it: doelleas pingeljen, sûnder ek mar ien aardich loopke of akkoardsje.

Trotwaer. Jaargang 32 400

In boekje dat fral letterlik besjen lije kin Henk van der Meulen

Pieter H. Tauber & Frans A. Tauber, Gerard J. van den Broek, De Provinciale Bibliotheek van Friesland. 40 jaar ontwerp- en bouwgeschiedenis. 60 siden. f 17,50. It klearkommen fan it útwreide, ferboude, renovearre en ynformaasje-technologysk by de tiid brochte gebou fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân hat behalven nedich en ûnnedich pommerante-palaver by de offisjele weriepening op 8 maaie 2000 ek in boekje oplevere dat fral letterlik besjen lije kin. In fjouwerkantich for maat, in skoandere grafyske foarmjouwing fan Douwe Huitema, printe yn moaie, dúdlike lettertypen op prachtige papiersoarten - wat wol men foar in gelegenheidsûtjefte eins noch mear? No, ynhâld dy't oansprekt. De Provinciale Bibliotheek van Friesland. 40 jaar ontwerp- en bouwgeschiedenis is in hommaazje oan himsels fan arsjitekt Pieter H. Tauber. Foar him markearret dit gebou sa'n bytsje it alfa en omega fan syn arsjitektelibben. Syn tredde plak by de iepenbiere priisfraach foar it ûntwerp fan in nije Fryske Provinsjale Biblioteek yn 1958 (165 ynstjoerings), it winnen in jier letter fan de ta fjouwer dielnimmers beheinde twadde omloop en syn úteinlike ûntwerp dat yn 'e jierren 1964-1966 oan de Ljouwerter Butterhoek stâl krige, it hat him gjin wynaaien lein. Al gau krige er gruttere opdrachten fan it Ryk en ferskate gemeenten en yn 1964 waard er heechlearaar yn Delft. Trije fearn fan de 47 nûmere siden binne wijd oan de bouskiednis. Foar arsjitektefolk grif tige nijsgjirrich, mar prof. Tauber en syn soan Frans, dy't as ynterieurarsjitekt in part fan de renovaasje foar syn rekken nommen hat, binne gjin ferbale stilisten en skriuwe foar leken net

De nije glêzen yngong en de spannende âlde finsterritmykfan de Provinsjale Biblioteek. (foto Arthur Blonk) maklik. By inkelde haadstikken binne sels gewoan teksten oernommen fan de sjuerybeoardieling út 1958, fan de taljochting by it ûntwerp fan 1959 en fan in publikaasje yn in faktydskrift. De teksten fan heit en soan Tauber beslaan

Trotwaer. Jaargang 32 401 noch gjin tsien folle siden, de arsjitektuertekeningen mear as twa kear safolle. Dy tekeningen binne sadanich ferlytse dat je wol earnseagen of in fergrutglês ha moatte om se lêze en dus begripe te kinnen. Dat prof. Tauber ek syn alderearste ûntwerp by de bouskiednis belutsen hat, sil foar himsels grif sin ha. Mar wat hat in bûtensteander yn 'e goedichheid oan tekeningen en in sjueryrapport oer in ûntwerp dat nea útfierd is en dat ek fierders neat te krijen hat mei it gebou sa't it der no stiet? It hie better west dat net de boumaster sels mar in gesachhawwende ûnôfhinklike arsjitektuerkritikus syn ljocht skine litten hie oer de boukeunstige en artistike fertsjinsten fan Tauber syn skepping fan 1966 en fan de resinte útwreiding en renovaasje. En dat yn koart bestek en op in begryplike wize, oan de hân fan royaal ôfprinte tekeningen en yllustrearre mei al wat mear foto's as de fjirtjin dy't der no yn steane en dy't gjin goede yndruk jouwe fan it ynterieur fan foar en nei de ferbouwing. Soks ommers fertsjinnet Taubers kreaasje sûnder mis, mei yn de gevel dy spannende, hast jazzy finsterritmyk en mei no ek in skitterjende, utnoegjende glêzen besikersyngong. En mei in transparant ynterieur, dêr't funksjonaliteit en estetyk fernimstich yn ferfrissele binne. Ynhâldlik gâns nijsgjirriger is gelokkich de bydrage fan PB-direkteur Gerard J. van den Broek, ‘Het vernieuwde huis vol verhalen. 500.000 boeken aan de Boterhoek’, al is syn tekst net altyd like luside en produsearret er bytiden aaklik lange sinnen. Opmerklik is neffens him dat mei de hurde groei fan de digitale ynformaasje (ek yn 'e bibleteekwrâld) de papierstream net belune is. Krekt oarsom, in papierleas tiidrek, dêr't men fyftjin jier lyn noch op tidige, is in folsleine yllúzje bleaun. Likemin as de fotografy de skilderkeunst ferkrongen of ferfongen hat sil de firtuele tekst neffens him de papieren ‘drager’ oerstallich meitsje. Ynformaasjetechnysk is de PB no alhiel by de tiid. De hyltyd grutter wurdende tagongsmooglikheden ta oare kolleksjes bringe lykwols mei dat de rol fan de ‘wittenskiplike’ bibleteek net mear dy is fan in ynstelling dy't har belied fral rjochtsje moat op it besit fan de eigen kolleksje. It is net mear mooglik om kolleksjes op te bouwen dy't in totaalbyld fan alle fakgebieten jouwe. Ynformaasjestreamen nimme sokke foarmen oan dat bibleteken soks net mear neistribje moatte. Dochs sille der altiten bibleteken bliuwe, is de oertsjûging fan Van den Broek. Bibleteken lykas de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, dy't neffens him hyltyd mear in gidsfunksje krije foar de boarger dy't net de tiid of de gelegenheid hat om sels de ynformaasjegaos te liif te gean. Deputearre Bertus Mulder bewiist yn syn foaropwurd dat je ek yn in koarte tekst in soad sizze kinne. Yn goed ien side wit er de skiednis fan de PB hiel lêsber te sketsen. By de oare bydragen hie in tekstredakteur folop wurk hawwe kinnen, net by sines.

Trotwaer. Jaargang 32 402

Trioel

Riemersma is hingjen bleaun

Yn myn essay oer it wurk fan Durk van der Ploeg yn it maaienûmer haw ik de stelling ferdigene dat de psychologyske roman noch altyd libbet. Wat ik dêrmei bedoelde, haw ik yn de slotalinea dúdlik oanjûn. Ik sei der, dat ‘de psychologyske roman de moderniteit oerlibbe hat - dat der ek hjoed de dei noch goede psychologyske romans skreaun wurde, mei moderne middels.’ Riemersma hat, sa blykt út syn reaksje yn it septimbernûmer, net goed begrepen wat ik hjirmei bedoelde. Ik joech net oan, dat ik fan betinken wie, dat de âlderwetske, naturalistyske psychologyske roman noch altyd fitaal is. Ik joech oan, dat de psychologyske roman him sadanich ûntjûn hat, dat er modern wurden is. As Riemersma dus seit, dat ik ‘de “skuld” oan de teloargong fan 'e psychologyske roman’ by bepaalde minsken dellis, sûget er dingen út syn skriuwerstomme. Ik sis nammentlik hielendal net dat de psychologyske roman teloargien is. Ik sis, dat er libbet. En wat libbet, is net stoarn, lit stean dat er ien ‘skuld’ oan sok ferstjerren hawwe kin. Al yn 1931 publisearre William Faulkner syn roman The Sound and the Fury, in mearperspektivyske, kwa metoade en styl folslein modernistyske roman, dy't lykwols út en út psychologysk wie. Skriuwers as Faulkner lieten sjen, dat de psychologyske roman ek nei Madame Bovary (1857) besteansrjocht hie. Yn Nederlân waarden nei de Twadde Wrâldoarloch boeken skreaun as De avonden, in boek dat mei alle rjocht psychologysk neamd wurde kin, en in boek dat folslein modern neamd wurde kin. As Riemersma úthâldt: ‘De ellinde mei de psychologyske roman dy't allinnich mar psychologyske roman wêze wol, is dat er in kasus behandelt sa't dy yn 'e hânboeken beskreaun is’, seit er feitlik neat oars as: ‘Minne psychologyske romans wurkje sjabloanmjittich. Se folgje de hânboeken en binne dus net ferrassend.’ Mar mei in feroardieling fan in minne, foarsisber-konvinsjonele psychologyske roman kinne jo it hiele sjenre net feroardielje. De kritisy Jo Smit en Paul Rodenko hiene ûngelyk doe't se de ein fan 'e psychologyske roman foarseine. Har foarsizzing wie al datearre doe't er dien waard; se seagen net yn, dat de psychologyske roman har al oan alle kanten ynhelle hie... Riemersma jout mei syn reaksje oan dat er noch altyd tinkt dat se gelyk hawwe en ik fyn dat er dêrmei sjen lit dat er him literatuerteoretysk net ûntjûn hat, dat er hingjen bleaun is yn de yn de jierren sechstich aktuele literatuerkrityk. It giet my der net om dat ik de hjoeddeiske psychologyske roman leaver haw as de oare romantypen, bygelyks as de hjoeddeiske ideeëroman. It giet my der om dat dy romantypen beide har moderne besteansrjocht bewiisd hawwe. It is ûnsinnich, iensidich en bekrompen om te bewearen dat de psychologyske roman in ‘trein’ is dy't ‘allang foarby’ is. Jabik Veenbaas

‘Mear dúdlikheid’

Trotwaer. Jaargang 32 Der hat Trinus Riemersma ferlet fan (Trotwaer 2000, 307). Dy ferantwurding dêr't ik him op ferge hie, hat yntusken yn it Simmernûmer stien fan wat hy yn Trotwaer ‘it keardelsperioadykje De Noasdrip’ neamt (dy Oesdrip hie ik 21-7 yn 'e bus). Myn kommentaar dêrop stie der ek yn. Faaks dat dat al genôch ferheldere hat foar

Trotwaer. Jaargang 32 403

Trinus, mar dat koed er noch net witte doe't er syn neistikje foar ‘it âldwivetydskrift Trotwaer’ (idem) skreau. ‘Wy moatte der ek mar gjin skoander Oesdrip- en/of Trotwaerpapier mear oan fergrieme’ ha 'k dêr doe û.o. skreaun. Dat like my in ferstannige opmerking, yn it ramt fan de byinoar-lâns-praterij dy't ús (non-)diskusje sa stadichoan wurdt. Foar de Trotwaerlêzers wol ik noch even melde, dat Trinus guon fan syn eardere, yn myn eagen mispleatste konklúzjes nochris wjerkôget yn dy Oesdrip-bydrage. Dat hie om my net hoefd. Ik bin it wol iens mei de strekking fan syn krityk, dat in skriuwer frij bliuwe moat en yn syn kreatyf proses net beynfloede wurde moatte soe troch it ferlet fan watfoar lêzende doelgroep dan ek. Mar ik bestryd, dat myn stik oanlieding jûn hawwe soe ta dy krityk. Lit stean fan ta dy oare ûnderdielen fan Trinus syn tirade (Trotwaer 2000, 105). Nei de lêste sin fan syn wiidweidiger sitaat (Trotwaer 2000, 307): ‘Oan dat ferlet moat foldien wurde’ hie ik graach de folgjende sin sjen wollen: ‘Hat dat programma dat no dien?’ Ha 'k ek al neamd yn ‘Gjin poat om op te stean’ (Trotwaer 2000, 259). Dat prográm moast dus foarsjen yn dat ferlet, en net skriúwers. Al of net mei sin giet Trinus deroan foarby. Hy fettet dat sizzen op ‘as in appel op de skriuwers fan It Skriuwersboun om har út te lizzen op simpel wurk foar de grutte kliber dy't te beroerd is om in bytsje enersy yn literatuer te stekken.’ (Simmernûmer De Oesdrip 2000, 4) No, dat wie myn bedoeling dus absolút net. Mear dúdlikheid kin 'k Trinus dan ek net ferskaffe. Dat ‘dy boeken foar de grutte kliber’ net ‘troch hûnen en katten skreaun wurde’ (Oesdrip 4, Trotwaer 307) of ‘dat de ME it docht of de Feriening foar Fûgelbeskerming’ (Oesdrip 4) binne formulearrings dy't it yn flauwens hast noch winne fan de suver puberaal-distansjearringssuchtige en provokative beneamings as ‘it âldwivetydskrift Trotwaer’ en ‘it keardelsperioadykje De Noasdrip’. Ien dy't, as Trinus, selsstannich en mei súkses dy Slachtemarathon útkuieret soe him dêr doch ris boppe ferheffe kinne en wolle moatte. Hawar, ‘jedes Schriftstellerchen sein Pläsierchen’, sille we mar rekkenje. Mei rju achtinge, Koop C. Scholten

Anty-Fryske sentiminten?

Ta myn ferbjustering sjuch ik dat de soan fan perf. Klaes Fokkema yn Trotwaer nr. 6, side 268, as ‘Radboud’ oantsjut wurdt. Wurdt de skriuwer fan it stik, Piter Yedema, sa behearske fan anty-Fryske sentiminten dat er de striidberens dy't heit Fokkema yn 'e namme fan syn soan ta utering komme litte woe, neutralisearje moat ta in sloppe Hollânske lûding? Redbad hyt dy jonge, Redbad ferdomme. Jo hoege niks te witten, mar jo kinne it rûke: in Fryskbeweger en lid fan it Kristlik Frysk Selskip, dy jout syn soan in Fryske namme. As men sa drok is mei typografy en lay-out, kin it jin wolris yn 'e harsens slaan. Is it mooglik, sa freegje ik my ôf, dat de kolombrek tusken de foarnamme en de efternamme de psychologyske skieding fan de soan fan syn Fryskbewegende staach bewurkje kinnen hat, of alteast mooglik makke hat? Radboud Fokkema neist inoar

Trotwaer. Jaargang 32 op ien rigel, dat hie beard as skuorde klokken, dêr wie elk oer stroffele. Mar mei de kolombrek dertusken falt it minder op dat hjir in Fryske jonge ûntfryske wurdt. Dy opmaak en dy kolombrek, dêr bin ik ferantwurdlik foar. Dêrom nochris: ferdomme! Tr. Riemersma

Trotwaer. Jaargang 32 404

Nije útjeften

Nije Frysktalige útjeften yn it tiidrek 1 maaie - 1 augustus 2000. Oanfollings binne wolkom by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Grutte Tsjerkestrjitte 212, 8911 EG LJOUWERT; 058 2120834, [email protected].

Belletry

- Piter Terpstra, Kom oer it wetter. KFFB nr. 411. Omslach: Sjoerd Andringa. Kristlik Fryske Folksbibleteek. 192 siden, f 24,50 (foar leden f 12,50) - Rink van der Velde, Alde Maaie. Gurbe-rige nr. 160. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 248 siden, f 32,50 - Nyk de Vries, Rezineknyn. Foarmjouwing: Henk Veenstra en Nyk de Vries. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 238 siden, f 24,50 - Douwe Kootstra, Alde spoaren. Gurbe-rige nûmer 162. Omslachûntwerp: Gertjan Slagter. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 157 siden, f 30,00 - Riek Landman, De oerwinning. Gurbe-rige nûmer 163. Omslach: Chaim Mesika. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert - Piet Schaper, Nijegea - New York 1905. Reisferslach/Reisverslag/Journey of a voyage. Utjouwerij Fryslan, Ljouwert. 43 siden, f 9,90 - Hylke Speerstra, It wrede paradys. 6e printinge. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 456 siden, f 39,50 - Mindert Wijnstra, It kweade wiif fan Hylpen. 3e printinge. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 184 siden, f 24,90

Berneboeken

- Lida Dykstra, Wolken fan wol. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. Yll.: Hubertus de Jong. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. 125 siden, f 26,50 - Eric Hill, Wat heart Stip? Twadde printinge. Fryske oersetting: Hermien van der Meer. Afûk, Ljouwert. n.p., f 29,50 - Hanneke de Jong, De geastenfan Sjaerdemastate. Omslach en yll.: Babs Wijnstra. Koperative Utjowerij, Boalsert. 95 siden, f 17,50 - Leendert Jan Vis, Op 'e pleats. Fryske oersetting: Hermien van der Meer. Afûk, Ljouwert. n.p., f 12,50

Dichtwurk

- Pieter Boskma, Yn tongen. Fryske oersetting: Theun de Vries. Triona Pers, Grins. 15 siden, f 22,50

Trotwaer. Jaargang 32 - Tsead Bruinja, De wizers yn it read. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. 63 siden, f 19,50 - Sjong mei: 1. Oer de grutte dobbe. Ingelske lieten yn Fryske oersetting fan Bearend Joukes Fridsma. INTRADA, It Hearrenfean/‘Net fan brea allinne’, Aldehaske/Dr. B. Smilde, Ljouwert. 19 siden, f 5,00 - Albertina Soepboer, De stobbewylch. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. 44 siden, f 19,50 - Swaantsje Duursma, Reiden oan 'e stream. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 79 siden, f 24,50 - Fryslân Sjongt. Algemien Frysk lieteboekje. Alfde fernijde printinge. Fryske Akademy nr. 125. Omslachûntwerp: Gertjan Slagter. Foto's omslach: Erik Hesmerg. Afûk, Ljouwert. 240 siden, f 19,50 Jelle Kaspersma, Ave Marije. Omslach fan de skriuwer en Karel J. Spoor. Koperative Utjowerij, Boalsert. 47 siden, f 22,50

Ferskaat

- Grote Provincie Atlas/Grutte Provinsje Atlas. Fjirde edysje. Afûk, Ljouwert/Wolters-Noordhoff Atlasprodukties, Groningen. 202 siden, f 99,95 - Anne Dykstra, Frysk-Ingelsk wurdboek/Frisian-English Dictionary. FA-nû. 897. Fryske Akademy/Afûk, Ljouwert. 1153 siden, f 59,50 - Dick Eisma, It is mei sizzen net te dwaan. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 82 siden, f 14,90 - Kerst Huisman, In pylgerreis troch de tiid/A pilgrimage trough time. Oersetting: Klaas Bruinsma. Foarmjouwing: Robert Seton. Foto's: Ynse Bakker. Kaarten: Kerst Huisman. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert. 71 siden, f 19,50 - Marten Posthumus tekenet De Geast. Rinsumageast yn 'e tritiger en fjirtiger jierren. Redaksje: Pieter Duijff. Eigen behear, Kanada. 96 siden, f 24,75

Neikommen Belletry

- Riek Landman, It Heerema Kristal. Tredde printinge. Gurbe-rige nr. 134. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 207 siden, f 27,50

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant achterplat

Meiwurkers

Wilco Berga (1947) is wurksum as byldzjend keunstner en skriuwer, yn it Frysk en it Nederlânsk. Fan him ferskynden dichtbondels, romans en toanielstikken (û.o. útfierd troch Tryater). Hy sette lieten fan Brel oer en skreau sels lietteksten dy't troch ferskate artysten op CD set binne. De hjir ôfprinte fersen wurde opnommen yn Eilânliet / Eilandlied, de nije Frysktalige bondel mei Nederlânske oersetting en mei reproduksjes fan skilderijen dy't ein oktober ferskynt. Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. Freark Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken. Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket by de Fryske Akademy. Hat Nietsche syn Also sprach Zarathustra yn it Frysk oerset. Fan him ferskynden Dat zijn nou typisch Friezen en begjin dit jier de debútbondel De floeibere bân. Is ferbûn oan M3. Frysk Literêr Blêd foar it Tredde Milennium. Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert en is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. Alida Bok-van der Meulen (1944). Geitehâldster en learares Frânsk oan de RSG Magister Alvinus te Snits. Henk van der Meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Resint ferskynden fan him Skepsels fan God (roman), ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger en It wurk fan 'e duvel (roman). Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, hondskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. Elly Veltman (1966) wurket as dosinte Nederlânsk yn Dokkum. Wennet yn Ljouwert mei Michiel en Dikke Bertha (de WO I kat), skriuwt in soad, mar publisearet neat. Hat resinsearre foar Omrop Fryslân, mar moat no earst de stúdzje ôfmeitsje.

Trotwaer. Jaargang 32 Geart de Vries (1956) is programmamakker by Omrop Fryslân Televyzje, lanlike tv-útstjoerings en sûnt de oprjochting aktyf yn de Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden. Fan him ferskynde foarich jier Trochpaden. Oantinkens fan D.A. Tamminga oan syn libben en wurk.

Trotwaer. Jaargang 32 405

[Nummer 9]

Dwersreed Doeke Sijens

Alles is idelens

Grutsk sit ik yn ien fan de moaie tsjerkebanken as sjuerylid fan de Rely Jorritsmapriis. Ik wit wol dat ik ferline jier werklik net de earste wie dy't se bellen om mei te dwaan. Ik hie earst ek noch ‘nee’ sein om't ik tsjin it lêzen fan al dy fersen en ferhalen opseach. Dochs hie ik wol fereare west en by it twadde biddeltelefoantsje sei ik ta. Fan myn hege bank ôf sjoch ik del op de fjouwer priiswinners. Sân jier lyn siet ik sels op dat plak. Doe wie ik noch grutsker. Nofteren besjoen, stelt it fansels allegear net folle foar. As winner giet men aansens nei hús mei krekt genôch jild om (yn it gefal fan in fers) in itentsje of (by proaza) in feestje fan te beteljen. Men kin der noch gjin wike fan op fakânsje. Status jout it fansels wol, sa'n priis. Teminsten yn Fryslân. Foarby Wolvegea is dat oer. ‘Waarom schrijf je toch in het Fries?’ freget bygelyks myn sweager hyltyd wer. ‘Wie leest dat nou?’ Altyd besykje ik dan geduldich it belang en de problemen fan it Frysk út te lizzen, oant it liket as wie myn skriuwen bedoeld om Fryslân te behâlden. De boargemaster sprekt. Sy brûkt geef Frysk. Dat wie by de eardere earste boarger fan Littenseradiel wol oars. Dan komt der muzyk. De fioelemuzyk makket my wat mankelyk. Alle priiswinners binne âlder as ik: dy nije generaasje, komt dy noch wol? Tusken de lju yn 'e tsjerke sjoch ik Teake O. sitten. Hy docht alle dagen syn bêst de Fryske literatuer ferneamder en romrofter te meitsjen. Syn FLMD tsjinnet as boechbyld foar de Fryske literatuer. Sûnt april is dêr lykwols de glâns ek al frijwat ôf. Men wol dat it Letterkundich Museum fusearret mei de Provinsjale Biblioteek, it Ryksargyf en it argyf fan de gemeente Ljouwert. Dêr binne saaklik fêst de bêste redenen foar te betinken, mar spitich is it wol. Yn it slimste gefal wurdt it FLMD in baalje yn in grut gebou en kin men tusken genealogen en oare sneupers in plakje krije om jins eagen te brekken op in mikrofilm mei manuskripten. En hoe komt it dan mei Teake syn krewearjen? Hoe moat hy dan de Fryske literatuer ‘op de kaart’ sette? Myn eagen geane werom nei de fioelist. In kreaze man, dy't fêst gjin lest fan kulturele benaudens hat. En wat wol ik oars. Yn it Fryske literêre wrâldsje bart sa'n bytsje dat de Leeuwarder Courant op de Fryske side fan de freedsbylage mar in rubryk oer grêfstiennen begûn is. De sinne skynt troch de tsjerkeruten. Oan 'e balken hingje makramee-kleden. Keunst dy't elkenien wurdearret. Och, der binne ek noch wol saken om tefreden oer te wêzen. De tsjerke sit fol mei minsken dy't grutsk binne op 'e priiswinners. De bosken blommen lizze al klear. En komt takom jier de megaroman fan Josse de Haan net yn it Hollânsk út? Nei de nostalgy fan Obe Postma giet dan einlings de Fryske avantgarde oer de toanbank. Dan kinne de Hollanners lêze dat soks ek bestiet yn Fryslân. Myn sweager krijt it foar syn jierdei, dat is wis. In tsjinslach wie wol dat de lju fan dy Provinsjale Advyskommisje net daliks jild jaan woenen foar de oersetting.

Trotwaer. Jaargang 32 It skynt dat se it boek earst lêze woenen foar't se 56 tûzen gûne oermakken. Mear noch fernuvere my it feit, dat der jild

Trotwaer. Jaargang 32 406 fan de provinsje by dy útjefte moast. Ik soe witte wolle of de Amerikanen ek betelje moatte foar it oersetten fan bygelyks de nijste Philip Roth. Nei alle gedachten is dat net sa. Doart sa'n útjouwer dy Fryske oersetting dan net oan sûnder stipe fan de Provinsje? Kin dit Fryske masterwurk dan ek yn Hollânske oersetting kommersjeel net út? Ik wol dêr net oer trochtinke. De priiswinners ha har sluven mei jild krigen. Fleurige muzyk klink wer troch de tsjerke. De sinne skynt noch altyd en der is drank by de rûs. Fan pessimisme oer de Fryske literatuer is by de oaren neat te fernimmen. No mar hoopje dat der in kreas stikje oer de priisútrikking yn 'e krante komt. En dat ik moai op 'e foto kommen bin.

Trioel Klap op klap

Finaal mei skriuwers weirinne rekket der wat ôf, mar dêrom ha ik Trinus Riemersma noch wol heech. It woe my dan ek net oan dat hy net witten hawwe soe wat Jo Smit destiids bedoelde mei de ‘Oebele Naneur’ (sjoch it foarige nûmer, side 396). It stiet my by dat Goaitsen van der Vliet en ik op 'e redaksjegearkomste noch wakker om dy namme gniisd ha - mar wy wiene altyd al foarlike jonges fansels. Sa achterút is Trinus ek net, dat ik seach him derfoar oan dat er dit in moaie manier fún om sa'n nije rubryk te iepenjen. No tink ik dat er it miend hat. Hjoed lês ik yn 'e krante dat syn roman Nei de klap yn it Nederlâns oerset wurde sil. Dus hy is net altyd like helder en der bytiden even foarwei. Oant ferline jier koe ik noch sizze dat ik alles wat fan Trinus yn druk ferskynd is, lêzen ha. Bretagne libre! wie even trochsetten, mar sa'n boekewikegeskink hat men ek wer gau behimmele. Mei Nei de klap moast ik belies jaan. Ik ha it boek net bewust oan kant lein, ik bin der op in stuit gewoan yn ophâlden. Dat kaam al hurd oan, mar de echte klap wie dat kranteberjocht. Bin je skriuwer fan De Reade Bwarre, gean je mei sa'n flets ferhaal de grinzen oer. En Onan verspilde zijn zaad op de aarde. Eppie Dam

Trotwaer. Jaargang 32 407

Pier Boorsma j.h. leopold reedridend

foar eke

syn libben wie fold fan keunst en klassike talen hij koe it libben male yn rym en dichtertoan wat kaam him fan de minske oan hij dy't ôfkeard stie fan freon en sibben it fabulearjen wie syn libben

en ienris samar op in winterdei in famkeshân yn sines lei hij sette it foars yn streken en sa rûntsjeridend op de baan krige hij in aan fan wat it libben wêze kinnen hie it breklike fan elke die de weemoed om fergiene stûnen

en yn in heger besinnen seach hij syn ienlik libbenspaad it yntroverte fan syn aard

mar doe sloech hij op 'e nij syn skonken út hij skekte en skode ferwoeden it famke lake blier en yn syn moed krong hoeden de libbenstier dy't hij sa lang fergetten wie

Noat De Nederlânske dichter en learaar klassike talen J.H. Leopold (1865-1925) ried yn 'e winter fan 1903/4 in baantsje mei syn learlinge en lettere skriuwster Annie Salomons (1885-1980). Dit dielt Salomons mei yn h ar Herinneringen uit den ouden tijd. Over schrijvers die ik persoonlijk heb gekend (Den Haag 1957). Nei oanlieding fan dy meidieling is boppesteand gedicht skreaun.

Trotwaer. Jaargang 32 408

Eppie Dam: taalkeunstner yn Frysk berneboekelân Henk van der Veer

‘Je bent productief! Zo moet het ook want als je even ophoudt bestaat er een kans dat je nooit meer verder zult gaan. Twintig is een gevaarlijke leeftijd; het is een grens waarop je besluit je poëzie als jeugdsentiment te gaan beschouwen ôf besluit er een serieuze zaak van te maken. Ik geloof dat je met schrijven zeker iets kunt bereiken. We krijgen wekelijks heel veel kinderverhalen toegezonden en ze zijn allemaal net niet leuk genoeg. Jouw werk sprong er meteen uit. Ik heb nog nooit direct een kinderverhaal van een wildvreemde gekocht zoals bij jouw sprookje. Het is een groot voordeel dat je twintig bent want nu heb je de kans om nog beter te gaan schrijven.’ Margrietredaktrise Thera Brugman-Coppens is yn har brief fan 21 juny 1973 oan 'e jonge skriuwer Eppie Dam mar wakker entûsjast oer de ferhalen foar bern dy't hij opstjoerd hat. In fearnsieu en gâns publikaasjes letter jou ik hjir in oersjoch fan syn wurk dat er foar bern skreaun hat. Ik doch dat yn gronologise folchoarder en besteegje ek oandacht oan 'e resepsje.

Margriet en okki

It moat foar de jonge Eppie Dam (Kollumerpomp 1953) in geweldige stimulâns west hawwe dat in lanlik blêd as Margriet wurk fan him opnimme wol. En wat miskien noch wol folle wichtiger is, hij wurdt as skriuwer al serieus nommen. Dat Eppie Dam yn it Hollâns skriuwt hat alles te krijen mei praktise omstannichheden, syn jongestaal is nammentlik it Pompsters. De ûnderwizer yn spee is net grutsk op syn sprake, hij skammet him der earder foar. De Amsterdamse Thera Brugman-Coppens bejubelt lykwols net allinne syn berteplak, se jout ek heech op fan meartaligens: ‘Als je naar Amsterdam zou komen werd je zeker als iets moois en bijzonders beschouwd. Wat een schilderachtig verhaal: opgroeien in een dorp van 300 inwoners waar pompers wordt gesproken! [...] Zeg nou niet dat je taalloos ben; je bent eerder overtaald, rijk met twee talen. Een rijk bezit om een dialect te kunnen spreken...’ Omdat Margriet yn 'e hjerst fan 1973 mei in ferfolchsearje oer Pipo de Clown begjint, is der net safolle plak mear foar it wurk fan 'e begjinnende skriuwer. Hij stjoert syn wurk dêrom op nei Malmberg Educatieve Jeugdbladen, dêr't syn ferhalen ‘met grote belangstelling’ lêzen en opnommen wurde yn it jeugdblêd OKKI. Henk Hartendorp, redakteur fan it populêre jeugdtydskrift, is entûsjast oer de ferhalen mar hij jout ‘opbouwende kritiek’: ‘Margriet heeft de verhalen gekocht die ook wij de beste vinden. Bij uw andere verhalen valt mij op dat u wel eens te wijdlopig vertelt en in onnodige herhalingen - soms tot driemaal toe - vervalt,

Trotwaer. Jaargang 32 409 terwijl u in andere gevallen te veel uitleg geeft.’

Enno en Opa

Ein jierren santich krijt Eppie Dam fan Uitgeverij Jacob Dijkstra te Grins de opdracht om in searje fan seis lêsboeken foar de groepen trije oant en mei acht te skriuwen. Yn in ynterview mei Linda Hulstijn foar De Polderkrant seit de auteur oer dit projekt: ‘Ik moet toegeven dat het een hele klus is geweest en dat ik wel enige trots voel als ik zo naar die zes boeken kijk. Het is is een doorlopend verhaal, maar de delen kunnen afzonderlijk gelezen worden. De boeken zijn aangepast aan het leesniveau van de kinderen. Daarom is deel één in een groter lettertype geschreven dan bijvoorbeeld deel zes. In het eerste boekje zijn de zinnen ook veel korter en de woorden eenvoudiger.’ It binne hieltyd deselde figueren, in jonge, in famke en in pake, dy't in rol yn 'e boeken spylje. De titels fan 'e ‘Enno en Opa-leesserie’ binne: De rode stier, Een arm spook, Een vreemde vriend, Enno wordt een held, Vakantie en Enno in Egypte. Yn 1980 komme de boeken op 'e merk, der wurde tûzenen eksimplaren fan 'e boeken ferkocht.

Spinaazje mei spikers

De emansipaasje fan 'e Fryske berneliteratuer komt yn 'e tachtiger jierren earst goed op gong. Sa krijt it Skriuwersboun in Berneboekpraatkommisje, en jout it tydskrift foar ûnderwiis en foarmingswurk De Pompeblêden rom omtinken oan jeugd- en berneliteratuer. De Simke Kloostermanpriis foar berneliteratuer wurdt yn 1983 foar it earst útrikt. Reinder Rienk van der Leest krijt de priis foar syn jongereinboek Cap Súd. Der is ek ynternasjonale erkenning foar Fryske berneboeken. It abeefan Boukje, boartlike en oarspronklike rymkes fan Diet Huber, en Swart

Eppie Dam anno 1975. (foto argyf FLMD/Henk Kuiper)

Trotwaer. Jaargang 32 op wyt fan Akky van der Veer wurde yn Italië bekroand mei de Premio Europeo di Litteratura Giovanile. De Provinsje Fryslân bliuwt net achter. Deputearre Steaten jouwe Eppie Dam in opdracht om Fryske berneferhalen te skriuwen. Dat wurdt Spinaazje mei spikers en oareferhalen, dêr't er yn 1986 syn debút as berneboekeskriuwer mei makket. (As skriuwer foar folwoeksenen is er dan al drok dwaande yn it Frysk literêre fermidden. Hij debutearre yn boekfoarm yn 1978 mei de ferhalebondel Strie oerdwers,

Trotwaer. Jaargang 32 410 datselde jier noch folge troch syn earste dichtbondel Mei de jierren.) Yn Spinaazje mei spikers steane tritich ferhaaltsjes fan foaren nei achteren oardere neffens lingte en leeftyd. De doelgroep wurdt eksplisyt oanjûn: foar bern fan 5-11 jier. (Ik bin der oars net sa wei fan, dat der leeftydsgrinzen yn jeugdliteratuer oanjûn wurde. Ommers goede berneboeken moatte foar bern én foar folwoeksenen goed genôch wêze. Ted van Lieshout, bekend Hollânstalich auteur fan jeugdliteratuer sei it ris sa: ‘Vergeet niet dat kinderen en volwassenen met elkaar gemeen hebben dat ze kind zijn of zijn geweest; niet dat ze volwassen zijn of zijn geweest.’) De doelgroep wurdt troch Petra de Jong foaryn it boek letterlik yllustrearre mei in tekening fan de bern fan 'e skriuwer, oan wa't hij it boek ek opdroegen hat. En dat hat net samar west, ‘want’, sa lêze wij op 'e achterflap, ‘in part fan de ferhalen fûn syn ûntstean yn de húshâlding fan de skriuwer sels. De ferhalen binne dan ek net sasear opdjippe út syn fantasije, mar earder optekene út it libben fan alledei.’ It titelferhaal ûntstie sa: Doe't ien fan de bern ris mei lange tosken yn it griene guod om siet te haffeljen, waard útlein dat spinaazje goed foar him wie: ‘der sit izer yn en dêr wurdsto sterk fan’. Eefkes letter wist it jonkje te fertellen, ‘dat der spikers yn 'e spinaazje sieten’. Dat referinsjekader, oft it no syn eigen bern binne of de learlingen dy't er les jout, is foar de skriuwer hiel wichtich sa seit er yn 'e Boekekrante fan 1987:. ‘As ik in ferhaal klear ha, lês ik it oan de bern foar. Fine se it “stom” dan lit ik it meastal in skoft lizze om it letter nochris te besjen. Soms krije de bern gelyk en ferdwynt it yn 'e prullebak. Mar ek wolris jou ik mysels gelyk en lit ik sa'n ferhaal sa't it is.’ De resinsjes fan Spinaazje mei spikers binne hiel posityf. Wieke Goeman-van Randen skriuwt yn 'e Leeuwarder Courant: ‘De ferhaaltsjes litte har maklik lêze. De koarte sinnen binne goed fan opbou en ritme. Faak hat de oergong fan de iene sin nei de oare wat ferrassends, wêrtroch sels gewoane dingen grappich wurde.’ Jant van der Weg-Laverman skriuwt yn it Friesch Dagblad: ‘De brûkte tema's en motiven binne sadanich, dat der boeiende ferhalen ûntstien binne. [...]Kwa sfear en toansetting dogge de ferhalen yn Spinaazje mei spikers jin tinken oan dy fan de Hollânske, yn Fryslân wenjende Dolf Verroen. En wa't dy syn ferhalen ken, sil begripe, dat ik dy fergeliking as komplimint bedoel.’ Van der Weg konstatearret ek ‘dat de ferhalen net altyd mei in kant-en-kleare oplossing komme en dat se de lêzers meitinke litte’. De resinsinte fan it FD hat der oars wol muoite mei dat fan Eppie Dam bewust oanslute wol bij it deistige taalgebrûk fan Fryske bern. K. Dantuma, hat yn Frysk en Frij lykwols ‘alhiel gjin argewaasje’ fan it moderne taalgebrûk fan de skriuwer, ‘om't it hiel natuerlik oerkomt’.

Taalnoarm

De diskusje oer de taalnoarm yn Fryske berneboeken brânt yn 1987 foargoed los as Eppie Dam yn Frysk en Frij fan 19 septimber de kwestje yn in ynstjoerd stik oan 'e oarder stelt. De Afûk hat dan in ferhaal fan him foar de bondel Skroei wegere, omdat it net foldocht oan 'e taalnoarm dy't sy hantearje. Wurden as achter, sacht, noait,

Trotwaer. Jaargang 32 ergens, does, keuken, flinder, dankewol, menear, tante en gebeure binne de Afûk-souwe net treast. Eppie Dam lûkt syn bijdrage werom, mar de diskusje oer de taalnoarm yn Fryske berneboeken giet fierder, net yn it lêste plak troch de krityske opmerkings Van der Weg oer it taalgebrûk yn Spinaazje mei spikers. Dam skriuwt

Trotwaer. Jaargang 32 411 foar De Pompeblêden noch in wiidweidich artikel oer de taalnoarm yn Fryske berneboeken. Hij fettet syn ideeën oer dizze kwestje sa gear: ‘In algemiene taalnoarm foar Fryske berneboeken is net yn it belang fan 'e Fryske berneliteratuer. Elke skriuwer moat syn eigen noarm bepale. Fansels, der binne grinzen, mar dêrbinnen moat der romte wêze foar persoanlik taalgebrûk.’ Hij beslút mei: ‘Ik bin fan betinken dat in skriuwer him net hoecht oan te passen oan it taalgebrûk fan 'e mearderheid. Ik bin der net op út om de iene taalnoarm te ferfangen troch de oare. Ik bin út op in gruttere frijheid foar de berneboekeskriuwer, want sûnder dy frijheid kin er noait ferantwurdlik wêze foar syn wurk. En dat is no krekt wat er wol.’ De diskusje giet fansels oan de doelgroep foarbij. Dy bekroane it boek yn 1987 mei de ‘FD-Opstekker’, in priis fan it Friesch Dagblad. Spinaazje mei spikers stiet yn 1989 ek op 'e nominaasje foar de Simke Kloostermanpriis. Dy giet lykwols nei Bartele Bûse fan Berber van der Geest.

Babbelegûchjes

Mei in soad nocht oan ûnnocht ferskynt dan yn 1989 in nuveraardich Frysk Printeboek ûnder de titel Babbelegûchjes. Wurdsjepoeper Eppie Dam en printsjekakker Petra de Jong hawwe bekende, typys Fryske wurden as Okse, Koallebokse, Pizer, Smjirkert opdjippe. En ek wurden as Dollejoaris, Gnoarrepot, Huttentutske, Koalleboske en Wibelkont wurde troch Eppie Dam as útgongspunt yn fjouwerrigelige ferskes brûkt om bern de betsjutting derfan dúdlik te meitsjen. De prachtige tekeningen dy't Petra de Jong bij elk fan de 49 rymkes makke hat jouwe de lêzers de kâns harren fantasije te prikeljen, te stimulearjen en - wat ek hiel wichtich is - te fieden. Dat de ûndertitel, Nuveraardich Frysk Printeboek 49 frjemdsoartige portretten goedkardfoar alle leeftiden troch de Ferieniging ta Behâldfan it Wurdboekfrysk, in spotske en lichtkritise knypeach nei de foarstanners fan it Wurdboekfrysk is, mei dúdlik wêze. De kommentaren op Babbelegûchjes binne oer it ginneraal hiel loovjend. K. Dantuma skriuwt yn Frysk en Frij: ‘De rymkes dy't makke binne by de skelwurden binne fakentiids o sa relativearjend en humoristysk.’ En, ‘it iene ferske is ritmysk en wat de ynhâld oangiet wol ris wat sterker as it oare, mar dat hoecht jin op 49 rymkes gjin nij te dwaan’. Jant van der Weg-Laverman hat it yn har besprek foar it Friesch Dagblad oer ‘in hiel aardich boek mei ferskes dêr't allerhanne wûndere figueren de haadrol yn spylje’. Se fynt dat net bij alle ferskes de pointe sa ferrassend is en skriuwt oer de foarm it folgjende: ‘De beheining ta de strakke foarm fan fjouwer rigels mei yn in soad gefallen itselde metrum, leit de skriuwer nochal in keursliif op, dat him by guon fersen dúdlik hindere hat.’ It is opfallend dat Van der Weg it hielendal net mear oer de taalnoarm hat. Ek it Sneeker Nieuwsblad en De Stim fan Fryslân jouwe posityf omtinken oan it boek, dat ûtroppen wurdt ta de moaiste Fryske boeke-ûtjefte fan 1989.

Mei bleatefuotten op bêd

Trotwaer. Jaargang 32 Mei bleate fuotten op bêd en oareferhalen (1990) is eins in ferfolch op Spinaazje mei spikers. Yn de tritich ferhalen hat de skriuwer in grut tal problemen oansnien: eigentiidse problematyk, persoanlike emoasje, tradisjoneel rollepatroan, diskriminaasje. De eigentiidse problematyk komt û.o. oan 'e oarder yn ‘In goeie film’. Beppe giet mei de twaling Ruerd en Rients nei de film, mar yn it ferhaal wurdt der ek oer de AOW praten. It foaroardiel dat beppes altyd ‘âld’ wêze moatte wurdt bekritisearre.

Trotwaer. Jaargang 32 412

Persoanlike emoasjes komme bij Eppie Dam net oan 'e krapperein. It tema dea en deagean komt mear as ienris foar. ‘Mei heit yn 'e auto’ en ‘In hiele lange glierbaan’ binne twa prachtige ferhalen dêr't yn praat wurdt oer de dingen nei it ierdse libben. De ein fan dat lêste ferhaal is hiel relativearjend. As Melle en mem oer it deagean praten ha, wurdt it petear sa ôfsletten: ‘Sille wy dan no mar sliepe? Seit mem. Ja, seit Melle, mar ik hoopje al dat ik moarn wer wekker wurd. Wy moatte noch tsjin Harkemase Boys.’ It tradisjonele rollepatroan wurdt yn ‘Allegear snie’ hiel aardich oanpakt. Wannear't Brant en Richtsje allinne thús binne, liket it der earst op dat Brant de lekkens útdiele sil, mar Richtsje is al aardich emansipearre, foar safier't dat bij har noadich wie. It famke lit har dan ek net stjoere. En as Brechtsje yn it ferhaal ‘Dokter Brechtsje’ nei de dokter ta moat, is de medikus gjin man mar in frou. ‘Sjit’ is in prachtich ferhaal oer de ‘gesachsferhâldingen’ yn in húshâlding. It ûnderwerp diskriminaasje komme wij tsjin yn ‘De nije’. In nije learling wurdt op skoalle troch guon learlingen bûtensletten, mar hij rêdt it dochs op. Ek yn dizze bondel hantearret Eppie Dam wer syn eigen taalnoarm. Wurden dy't yn it Hollâns skreaun binne steane oars skean printe. De diskusje oer it al of net brûken fan it Frysk komt lykas yn Spinaazje mei spikers ek yn de twadde ferhalebondel foar. As Brechtsje bij de dokter is, dy't har namme fansels sûnder de letter ‘s’ útsprekt, en Brechtsje it Hollâns foar kar nimt, seit heit ‘dokter ferstiet wol Frysk’. ‘Ja natuurlijk,’ seit de dokter, ‘maar spreken kan ik het nog niet.’ Hiel nijsgjirrich is it hoe't de auteur it ynterne ‘taalprobleem’ fan ‘pisje’ en ‘plasse’ oanpakt: ‘Mem, ik moat noadich pisje, seit Wouter. Plasse seit mem, wy sizze plasse. Mar heit seit dat ik pisje sizze moat!’ De kritiken op Mei bleate fuotten op bêd binne wer hiel posityf. ‘Foar bern dy't ornaris wat problemen hawwe mei it lêzen fan it Frysk, sil dit boek in oanset wêze kinne it doch ris te besykjen. Eppie Dam brûkt moaie koarte sinnen, syn taal is eigentiids en wurdt mei in protte fleur en faasje brûkt’, sa makket de LC reklame. Ek Jant van der Weg is yn it FD goed te sprekken oer de bondel: ‘Dit boek is in oanwinst, om't it yn ienfâldige taal in tematyk behannelet dy't alle bern oansprekt. De skieding dy't der tusken bern en folwoeksenen yn eardere berneboeken sa bot te fernimmen wie, is yn Mei bleatefuotten... net oanwêzich.’ Van der Weg neamt dat in pluspunt. K. Dantuma neamt Dam syn tredde berneboek yn Frysk en Frij ‘in boppeslach’. Hij fynt dat it boek ‘elke ferliking mei syn Hollânske konkurinten trochstean kin’. In opmerking dy't ik yn myn resinsje foar it Sneeker Nieuwsblad ûnderstreekje troch foar te stellen it boek fan ‘dizze Fryske Guus Kuijer’ te fertalen yn it Nederlâns. De yllustraasjes, wer fan Petra de Jong, krije ek poerbêste kritiken.

Jelma

Jelma, it fjirde berneboek fan Eppie Dam en Petra de Jong, komt yn 'e neisimmer fan 1991 op 'e boekemerk. De titel, yn fergeliking mei de foarige trije berneboeken de saaie kant it neist, stie op 'e fûnslist fan 'e Koperative Utjouwerij earst noch oankundige as Jelma ofhoefolle nachtjes noch?

Trotwaer. Jaargang 32 De namme dekt de ynhâld fan it boek wol. Jelma is de haadpersoan fan dit oan ‘Ankemarije’ (sa hjit de dochter fan 'e skriuwer ek) opdroegen ferhaal. Jelma is in famke fan fiif jier en sit yn groep twa. Mem Judith útfanhûzet yn Ingelân bij in freondinne. Jelma, dy't nei't ik oannim iennichst bern is, is sadwaande in wikelang tegearre mei har heit Jaap thús. Heit en

Trotwaer. Jaargang 32 413

Jelma kinne it tige goed mei elkoar fine. De ferhâlding is suver ‘perfekt’. Trouwens it liket hielendal in fijne hûshâlding en dat mem - ‘in bytsje wurch fan thús’ - der in wykje tusken út is, is hielendal net sa slim. Omdat heit troch syn berop, hij is bussjauffeur, soms dagenlang fan hûs is, fynt dy it wol noflik om ris in pear dagen thús te wêzen: ‘Heit is in bytsje wurch fan alle dagen fuort.’ De ferhâlding tusken heit en dochter mei dan toppy wêze, dat wol noch net sizze dat der gjin tsjinstellings binne. Bij de rûs, mar dy tsjinstellings liede net ta konflikten, mar wurde subtyl werjûn en dat is ien fan de tema's fan it boek. Wêr't dy tsjinstellings binne en dan neam ik bern/folwoeksene, heit/mem, blank/swart, Hollâns/Frysk, steane dy ferskillen net foarinoar oer mar neistinoar. Elk mei in eigen karakter, mar sûnder dat der sprake is fan superieurens. Bij elke ferhâlding wurdt útgien fan lykweardigens. It ferhaal falt ek posityf op troch it strakke skema. It begjint op in sneintejûn en einiget op in sneontejûn(nacht). Nei de trije ynliedende haadstikjes oer Jelma, mem en heit, wurdt de sneintejûn beskreaun yn ien stikje, de moandeis oant en mei de freeds wurde werjûn yn fiif partsjes en de sneon, de deis dat mem wer thúskomt, begiet al midden yn 'e nacht fan freed op sneon en beslacht seis haadstikjes. De dagen begjinne en einigje mei it bêd (de râne fan it bêd) as lokaasje. Iten en drinken en wurkje spylje yn 'e tuskenlizzende haadstikken in wichtige rol. Hiel faak begjinne de lêsstikjes mei in selde sin: ‘Jelma wurdt wekker’, ‘Jelma komt fan bêd’. Just dy herhellings fine bern fan 5-8, want foar dy doelgroep is it skreaun, prachtich. De koarte sinnen dy't Eppie Dam foar dit ferhaal brûkt falle op troch har suvere taalritme. De sidegrutte tekeningen fan Petra de Jong, litte sjen dat dizze yllustratrise each hat foar details. Har yllustraasjes noegje út om oer te praten. It ynterkulturele aspekt fan Jelma wurdt troch Jant van der Weg yn har FD-besprek as ‘nijsgjirrich’ betitele. Se wol net wer in ‘noarmdiskusje’, mar kin it dochs net litte har ôf te freegjen wêrom't de skriuwer guon wurden wol en oaren net te brûkt. Mar har wichtichste konklúzje is dochs wol dat Eppie Dam mei dit boek foar in ‘moai literêr bouwurk soarge hat’: ‘It sit knap yn elkoar mei werhelling yn motiven en sênes.’ - Literêr bouwurk as net, de literêre tydskriften besprekke it boek net! Yn Byntwurk, magazine fan GCO-Fryslân, set ik it boek noch ris yn in breder perspektyf fan 'e Fryske berneliteratuer oer diskriminaasje en allochtoane-tematyk. Dat de tsjinstelling swartwyt moai nei foaren komt yn Jelma, mar nergens eksplisyt fermelden wurdt, neam ik ‘hiel knap’. En ik neam it boek ek it ‘oant no ta bêste berneboek fan Eppie Dam en Petra de Jong’.

Achlum Nobusco

De literêre tydskriften meie dan noch gjin omtinken jûn ha oan 'e berneboeken fan Eppie Dam, hij hat wol safolle namme makke dat de Stichting It Fryske Boek him freget om foar 1992 it Aksjeboek foar bern te skriuwen. Dat wurdt Achlum Nobusco en de meunsternimmers, dat oanslút bij it tema fan de nasjonale Berneboekewike 1992, ‘Land in ziiiicht!’ De yllustraasjes foar dit boek, binne fan Ingrid van der Kallen, meidat Petra de Jong besletten hat foarearst net mear te yllustrearjen. Haadpersoan Achlum Nobusco, syn namme is gearstald út Columbus en Noach, wennet yn ‘in doarp’. De âld-seeman mei in houten skonk húsmannet al trettjin jier

Trotwaer. Jaargang 32 yn in skieppeskuorre ûnder oan de dyk. Yn in stoarmnacht yn novimber ein santiger jierren is Nobusco oanspield,

Trotwaer. Jaargang 32 414 alteast dat fertelle de pakes en beppes. De âlde omkes fan it doarp beweare dat de deis nei Nobusco syn ‘oanspielen’ de dyk besiedde lei mei deade skiep: ‘Achlum hie se allegear de hals útfretten.’ De minsken fine him in nuverenien, se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat is oars mei Mark (11) en Nina (9) van der Vliet. Mark is ‘amateurbiolooch’ en op ien fan har ûntdekkingstochten, se sykje om ‘wettermeunsters’, komt Nobusco de bern oer 't mad. Nei't de beide bern de earste skrik, gjin eangst, teboppe binne, docht al gau bliken dat it ‘klikt’ tusken de jonge ûndersikers en de âld-seeman. Gjin wûnder, alle trije haadpersoanen hâlde har dwaande mei de miljeuproblematyk. De âldste fan it trio is miskyn wol de meast ekstreme yn syn opfettings. Hij klimt withoefaak op in ierappelkistje en sprekt dan de minsken ta. Mar lykas yn 'e tiid fan Noach wol it folk net harkje. Achlum jout syn preekjen oer en hij bout in boat op it droege, in skip dat er makket fan âlde troep. As in moderne Columbus wol Achlum Nobusco nei it Nije Lân farre. Wat dat Nije Lân is of wêr't dat leit wurde de bern net gewaar, mar Mark en Nina hawwe noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. It Nije Lân, dat net op 'e kaart te finen is, is in lân dêr't it skjin is en de natuer wurdt der net bedrige troch wetter-, lucht- en boaiemfersmoarging. Lang om let fart it trijetal út op De Reinbôge. De tematyk yn Eppie Dam syn proazawurk is ûnder oaren skuldgefoelens, iensumens en it tinken oer de tiid, oer it ferline en de takomst. Ek Achlum Nobusco is prakkesearderich fan aard en hij siket in lêste útwei yn in katastrofale hanneling. De skuldgefoelens fan Achlum binne sa grut dat flechtsjen gjin doel mear hat: ‘Foar âlde minsken mei de skuld fan alles, is it better dat se stjerre. Oars wurdt de skuld te swier. En ik bin sa ôfgryslik âld, ik kin de skuld net langer drage.’ Dat der noch hope is wurdt dúdlik út de dialooch tusken Mark en Achlum: ‘Sorry Achlum’, sei er, ‘'k begryp dy net.’ ‘Goed, dan sil ik dúdlik wêze, Mark. Jim sitte op it ferkearde skip. Dit skip lit alles achter him. Wylst jim it libben foar jim ha. Begrypst it no?’ Oft Mark en al dy oare bern dy't it aventoer meimeitsje yndied begripe wat der allegear mei Achlum Nobusco bart, is in fraach mar ek net mear as dat. It petear tusken Achlum en Mark wurdt net om 'e nocht ôfbrutsen. As de bern ôfskied nimme moatte fan Achlum komt der in helikopter om har fan board te heljen. It miljeu is ien fan de sintrale tema's yn it boek. In tema dat neffens resinsinte Jant van der Weg yn 1992 eins al net mear kin. Yn it Friesch Dagblad skriuwt se: ‘Yn de Fryske berneliteratuer is dêr noch amper oer skreaun, yn de Hollânske dêrfoaroer is it suver al wat ôfkôge en dy literatuer krije bern fansels frekwinter ûnder eagen as de Fryske. No hoecht dat op himsels gjin beswier te wêzen, as de útwurking fan it gehiel mar boeiend is. Dat is my lykwols wat ôffallen.’ Van der Weg hat noch mear krityk: ‘Benammen de karaktertekening is frij flak.’ En ‘de problematyk fan de miljeufersmoarging is frij swier oanset en humor dy't soks dan wer wat relativearje kin, komt net in soad foar’. Baukje Wytsma hat yn har besprek yn de Leeuwarder Courant ek krityk: ‘De tema's it miljeu, de dea, de tsjinstelling âld-jong, it reisaventoer binne op in knappe wize ta ien gehiel komponearre, mar dogge dochs wat forsearre oan.’ Folle royaler is Lieke van Duin yn har resinsje yn Trouw. Sij neamt Achlum Nobusco: ‘Een uitmuntend verhaal. Het is spannend, ontroerend en lichtvoetig geschreven in een ontwapenende stijl met een volkse, maar toch

Trotwaer. Jaargang 32 415 fijnzinnige en warme humor. Ook dit verhaal heeft een boodschap, namelijk dat de mensen “fan de ierde wer in goeie ierde meitsje moatte”, maar die zit het verhaal geenszins in de weg.’ Van Duin is ek te sprekken oer it taalgebrûk: ‘Eppie Dam is een regelrechte taalkunstenaar: als hij het over “wikkewakkeljen fan 'e helikopter” heeft, voel je dat hij het over het geluid van de wentelwieken heeft, maar in het woordenboek staat het niet.’ Mei ‘in gaaf boek’ slút se har loovjende resinsje ôf.

Wouter en de 24-trui

Yn yn syn ‘Taheakke’ bij de twadde printinge (1997) fan it lyts hânboek fan de fryske literatuer fan Klaes Dykstra neamt Bouke Oldenhof Eppie Dam ‘de meast moderne skriuwer fan berneliteratuer yn Fryslân’. Dat mei sa wêze, Oldenhof giet yn 'e fout as er skriuwt dat fan Eppie Dam yn 1993 de lange jongereinroman Jappy en de 24-trui útkomt. De titel fan dat boek is Wouter en de 24-trui. Yn de tsjokke roman fan 233 siden komt Wouter Wiarda, de meast bleue en ûnhandige jonge út groep 8, der achter dat syn nije trui him magise krachten jout. As er leit te sliepen, fertelt de Aap-út-e-Mouwe him dat er - as er de trui oan hat - alles kin wat er mar wol. Teminsten, salang't de trui net wosken wurdt, it losse stekje net makke wurdt en oer it geheim fan de trui net praten wurdt. Wouter wurdt de held fan it skoalfuotbaltoernoai, hij drumt mei sukses yn 'e band fan syn suster en hij lost it probleem fan de Fryske plaknammen op. Mar Wouter is ek in idealist en no't er in trui hat dêr't er alles mei kin, wol er noch mar ien ding: de wrâld feroarje. Hij giet de striid oan mei in fabrikant fan gewelddiedich boartersguod en tegearre mei syn freondin Anja treedt er op tsjin twa smychten fan hinneboeren. Letter sette Wouter, Anja en beppe Tryntsje (86) ôf nei Súd-Afrika om de moard op tritichtûzen seehûnen te kearen. Op 'e weromreis stekke se oan yn Madrid, dêr't Wouter in taspraak hâldt op in ynternasjonaal kongres oer de rjochten fan it dier. Krante, radio en televyzje, alles is derby. As Wouter oan 'e ein fan it ferhaal beleanne wurdt foar syn idealisme en syn heldedieden mei er in kado freegje. ‘“No goed,” sei Wouter, “as ik dan in held bin, jou my dan mar in pear sokken.”’ Foar it earst wurdt oan in berneboek fan Eppie Dam serieus omtinken jûn yn in Frysk literêr tydskrift. Beart Oosterhaven resinsearret it foar HJIR (1994/5). Hij is geweldich oer it boek te sprekken: ‘“Wouter en de 24-trui” is net allinne wat it ferhaal oanbelanget in poerbêst boek, ek op it stik fan 'e komposysje sit it treflik yninoar.’ Oosterhaven fynt ‘dat der mar ien einoardiel oer mooglik is: it is it bêste boek yn syn soarte dat oant no ta yn it Frysk ferskynd is’. Wim van der Schaaf is yn De Pompeblêden (1993/6) ek lyrys oer it boek: ‘Ik kin my sa gau in lyksoartich boek as Wouter en de 24-trui yn it Frysk net yn it sin bringe. It is in hearlik gek boek, de frjemdste saken gebeure sa no en dan. It is soms suver wat magysk-realistysk mar it slagget de skriuwer om my yn de werklikheid fan syn ferhaal leauwe te litten. [...] Wat dit fantastyske ferhaal al hielendal ta in geniet makket is de kostlike humor, it hele ferhaal troch. Nearne te bot of te swier oanset, soms lytse wurdgrapkes, boarterij mei nammen en gean sa mar troch.’ Van der Schaaf sjocht yn it ferhaal ek noch ‘in kweeste’, in syktocht fan de haadpersoan nei it doel,

Trotwaer. Jaargang 32 de bestimming yn syn libben. ‘In syktocht: lichtfuottich mei de woartels yn de earnst. Magysk hjir en dêr, mar mei de fuotten op 'e grûn.’ Marja Boonstra neamt Wouter en de 24-trui yn de LC ‘in flotskreaun jeugdboek, dêr't de

Trotwaer. Jaargang 32 416 humor sa no en dan wat flau yn wurdt’. Se beslút har miny-resinsje mei: ‘Wa't begjint oan it boek oer Wouter moat wol efkes trochsette, want it hat mar leafst 233 siden. En dat is wol wat in soad foar in lêsboek foar bern fan in jier as tolve.’ Eppie Dam is nei dizze wol hiel meagere resinsje kûgels op LC-resinsinte en stjoert in lilke brief dêr't er him yn beklaget oer it nivo fan besprekken. Yn in skriftlike reaksjeleit Boonstra it doel fan de rubryk Leesplank út: ‘De berneboekerubryk is inkeld en allinnich bedoeld om âlden/opfieders te ynformearjen en foar te ljochtsjen oer nije berneboeken. Nederlânsktalige en Frysktalige. En dus net om bysûndere dingen te dwaan foar de Fryske literatuer.’ Jant van der Weg-Laverman jout yn har besprek yn it FD amper in ynhâldlik oardiel, se lit it bij ‘in hearlik tsjok boek. [...] Nei alle bjusterbaarlikheden docht it slot hearlik lakonyk oan en presintearret tagelyk krekt sa'n aardige wurdboarterij as de aap-út-e-mouwe oan it begjin.’ De Berneboekesjuery kiest Wouter en de 24-trui yn 1995 út as ‘bêste boek’.

Tachtich yn 'e bocht

Yn 1995 komt Eppie Dam mei syn tredde ferhalebondel foar bern: Tachtich yn'e bocht. Hoewol't de njoggentjin ferhalen skreaun binne foar wat âldere bern, de ûndergrins is 8 jier en de boppegrins 12 jier, kin dizze bondel beskôge wurde as de opfolger fan Spinaazje mei spikers en Mei bleate fuotten op bêd. De tema's binne û.o.: rúzje, ferlyfd wêze, pesterij, bang wêze en deagean, fantasearje en Frysk prate. De eigentiidse ferhalen falle stik foar stik op troch in tige linich en modern Frysk. Noch altyd giet de auteur út fan de taal fan 'e bern. De bondel wurdt no foar it earst yn sawol HJIR (1996/1) as Trotwaer (1996/2) besprutsen. Marijke de Boer fynt dat der op ‘de skriuwstyl fan Eppie Dam amper wat oan te merken falt’. En ‘syn taalgebrûk is boartlik en de koarte sinnen hâlde it tempo der goed yn.’ Ek ‘litte de ferhalen har noflik lêze en binne geskikt om foar te lêzen’. Mar dan komt de HJIR-resinsinte mei har negative oardiel: ‘De ferhalen binne wol aardich om te lêzen, mar se foegje net echt wat ta. Se binne de saaie kant it neist. Se steane te ticht by de deistige werklikheid. Se binne te gewoan op in reis fol wûnderlike fantasijen. Eppie Dam kin it belearende mastersfingerke (spitigernôch) ek net yn skoalle litte.’ De Boer is wol sa earlik en kom mei de opmerking dat sij de ferhalen mei de eagen fan in folwoeksene lêzen hat, wylst de ferhalen ornearre binne foar bern fan acht oant tolve jier. ‘Mar’, sa skriuwt se terjochte, ‘ik leau dat in berneboek goed is as it ek troch folwoeksenen mei nocht lêze wurde kin.’ Har eardere opmerking dat de ferhalen har noflik lêze litte en geskikt binne om foar te lêzen, steat heaks op wat De Boer dus letter beweart. Ik skriuw yn myn resinsje foar Trotwaer dat Tachtich yn 'e bocht ‘in bondel is mei ferhalen fan hege kwaliteit. De fyn ynleine humor ferheget de kwaliteit fan de ferhalen. Tematyk, taalgebrûk binne respektivelik modern en linich. De ferhalen fan Eppie Dam hawwe wat universeels, yn syn ferhalen giet it oer emoasjes, ferwachtingen, fertriet en freugde.’ It feit dat Eppie Dam safolle omtinken jout oan dy emosjonele eleminten yn syn ferhalen sjoch ik as in plus: ‘ommers it lêzen fan

Trotwaer. Jaargang 32 bern wurdt foar in grut part karakterisearre troch emosjonele begienens (“bewogenheid” sizze de Hollanners).’ Yn 'e resinsje fan Jant van der Weg-Laverman, foar it Friesch Dagblad, fyn ik hiel opmerklik dat just sij de opmerking makket dat ‘it moderne taalgebrûk fris oan docht’. Van der

Trotwaer. Jaargang 32 417

Ald-ynwenner Eppie Dam fertelt tidens de Berneboekewike 1994 yn Kollumerpomp oer syn boeken en syn skriuwerskip. (foto argyf FLMD/Frans Andringa, Friesch Dagblad)

Weg, dy't it wurk fan Eppie Dam trou resinsearret, wie yn it ferline ommers wolris behâldender yn har oardiel oer dizze auteur syn taalnoarm. Dochs kin de FD-resinsinte it net litte en fersuchtsje suver ‘en ja, bern skine ek noch altyd hollânske briefkes te skriuwen. Wannear soe it ris gewoan wurde, ek yn berneboeken, dat dy persoanlike oantekens Frysk binne?’ De toan fan har krityk is oars al posityf!

Dingeman krijt wjukken

Dingeman krijt wjukken is Eppie Dam syn lêste boek oant no ta. It komt yn 1999 út bij de Afûk. Neffens de skriuwer is it bysûnder fraai útfierde boek, mei byldwurk fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra, net ‘samar in boek’: ‘Alle oare boeken hawwe eins it púnromjen west foar dit boek. Dy boeken ha de romte makke foar Dingeman. Yn dit boek binne de dingen te plak fallen.’ Op 'e earste dei fan 'e simmerfakânsje krijt Dingeman de Koning, iennichst jonkje yn in brutsen hûshâlding, in spannende (hollânstalige) brief fan Roosje Hoppe út namme fan Stich-

Trotwaer. Jaargang 32 418 ting Landelijke Vakantie Voor Stadskinderen (SLVVS). Mei noch alve oare bern wurdt Dingeman útnoege foar in simmerkamp fan in wike op in buorkerij yn 'e ‘middle of nowhere’. Op dizze ‘breek-en-bouw-boerderij’ binne bern hielendal eigen baas. Pensjonearre pakes en útborduerde beppes dogge alles wat bern wolle en stjoere har noait op bêd. De mem fan Dingeman, in truttich ‘Big Brothereftich’ type, dy't swarte reinbôchjes boppe de winkbrauwen skildert, jout earst tastimming as it hàr goed útkomt. Sa wurdt Dingeman op in moandeitemoarn yn in lúkse taksy fan hûs helle en set de sjauffeur him ôf op it hiem fan in âlde boerepleats. It docht al gau bliken dat Roosje Hoppe, de pakes en beppes en de oare bern hielendal net oanwêzich binne. Dingeman sil de wike yn syn ‘uppy’ trochbringe mei hobbyboer en keunstner Joazef Kingma. Joazef jout ek in ferklearring foar it feit dat der in fiktive namme ûnder it brief stiet: ‘Heiten en memmen jouwe gjin tastimming as der in kearel ûnder stiet. Joazef fertrouwe se net, mar Roosje fine se aardich.’ Nettsjinsteande alle heimsinnichheden bliuwt Dingeman bij Joazef en belibbet er foar in plattelânsbern deagewoane mar foar in stedsjonkje hiel bysûndere dingen. It begjint al mei de bou fan De Wjukkestoel, in meubelstik dat wat te fertellen hat. Ast derop sitten giest, komt der in (ramt)ferhaal om dingen helder te meitsjen: ‘Dreamen en gedachten bringe minsken oeral hinne.’ Yn 'e rin fan it ferhaal komme wij hieltyd mear te witten oer Joazef en syn wize fan libjen. Oan 'e ein fan it fantasyrike ferhaal, dat net allinne hiel spannend mar ek grôtfol mei humor sit, wurdt dúdlik dat de jonge De Koning en de âldere Kingma mear dingen mien hawwe as allinne in namme. Marja Boonstra besprekt it boek foar de Leeuwarder Courant. Yn in pear alinea's besiket se de ynhâld wer te jaan en ek noch in oardiel te jaan: ‘It boek hat mar leafst 43 haadstikken. No hoecht dat gjin probleem te wêzen want in moai boek is noait te dik. Mar Dingeman krijt wjukken is in swiersettich ferhaal dat net maklik lêst. It sit fol symboalen en befettet net al te folle humor. Boppedat wurd ik ek net fleurich fan it donkerbrune omslach. Koartsein, it boek ferget in soad fan jonge lêzers. Dingeman kriget wjukken, mar Dam kin mar net los komme fan 'e grûn.’ It is Marga Claus dy't har poerlilk makket oer dizze resinsje. Har ynstjoerde stik wurdt lykwols net opnommen, sadat se beslút in brief nei Trotwaer te stjoeren. Dat pleatst har antykrityk yn novimber 1999. It is in frijwat emosjonele reaksje, dêr't wol goed dúdlik yn wurdt dat Claus gjin hege pet op hat fan de LC-besprekster: ‘In boek dêr't safolle soarch en oandacht oan bestege is, fertsjinnet dêrom mear as in pear flut-alinea's yn de rubryk “Leesplank”, foar de helte ek noch besteande út it neifertellen fan de ynhâld. In beoardieling fan in resinsint dy't, sa't se op 9 oktober op it literêre poadium yn Theater Romein sels ferkundige, oan fatsoenlik lêzen amper mear takomt, mei't se it drok mei bern en húshâlding hat.’ De skôging fan de Flaming Johan Gezels yn Trotwaer fan desimber 1999 is gâns oars fan toan as de LC-resinsje: ‘Na een tiental bladzijden had ik het gevoel in een kleinschalige Friese versie van David Copperfield te zitten.’ Gezels sjocht yn Dingema oerienkomsten mei it wurk fan George Orwell, Charles Dickens, Toon Tellegen, Antoon Koolhaas en J.M. Barrie. ‘Wat is hiermee gezegd over het boek op zichzelf? Dat het de kwaliteiten van al deze boeken in zich heeft zonder ze expliciet naar voren te brengen. Eppie Dam rest nog één ding te doen: alle boeken die in dit mooie werkje verborgen liggen, stuk voor stuk neerschrijven.’

Trotwaer. Jaargang 32 419

Akky van der Veer skriuwt yn in ‘iepenbiere brief’ foar it nije literêre Ynternettydskrift Kistwurk wat sij fan de jeugdroman fynt. ‘Ik kin fernimme - sjen, priuwe, rûke, fiele - datst dit boek mei soarch en leafde makke hast. En dat de gearwurking mei Gerrit Terpstra dy ynspirearre hat om op in hiel eigen manier mei taal te boartsjen. Neogolismen as Heisterhok, Brobbeltobke, Klimkalefater, Hynstvalidekarre, Wjukkestoel, it binne prachtige wurden.’ Van der Veer hat lykwols ek krityk op it ferhaal. ‘Is Dingeman krijt wjukken dus oer alle boegen slagge? Nee, foar myn gefoel net alhielendal. Ik fyn dat de mem fan Dingeman der sa bekaaid fan ôf komt. Net it feit dat Joazef Dingeman syn heit is, wie foar my oan 'e ein de ferrassing, wol it feit dat de mem fan Dingeman har soan sûnder mear yn 'e steek lit. In ûnnoflike, ûnoannimlike ferrassing wie dat.’ Dyselde krityk hat Jant van der Weg-Laverman yn it Friesch Dagblad ek as se oer de mem skriuwt: ‘Fantasyleas en alhiel op har eigen plezierkes rjochte. Men mei jin dan ek ôffreegje hoe't it mooglik is, dat de jonge nei de skieding oan har tawiisd is.’

Slotkonklúzje

Ik doar te stellen dat Eppie Dam de wichtichste fertsjintwurdiger fan 'e moderne Fryske berneliteratuer is. Syn wurk docht neat ûnder foar dat fan bygelyks in Guus Kuijer en in Dolf Verroen. Syn boeken binne kostlik fan taal, modern fan tematyk en hij is hiel orizjineel yn it útwurkjen fan de realistise ûnderwerpen dy't er yn syn ferhalen oansnijt. Syn styl fan skriuwen, de opbou fan syn ferhalen, ik fyn it allegear prima, mar ik besef ek dat it net tafalt om soks no eksakt ûnder wurden te bringen. Op wurdearringswurden lykas ‘prachtich’, ‘moai’ en ‘spannend’ is altyd wol wat op oan te merken. Mar salang't ik noch gjin oare wurden betocht ha dy't fris en oarspronklik binne, sil ik it mar dwaan moatte mei ‘moai’, ‘prachtich’ en de hiele brut. Wat mij benammen yn it wurk fan Eppie Dam sa oansprekt is dat hij yn syn taalgebrûk sa ticht bij de taalrealiteit fan Fryske bern stiet. De dialogen bygelyks komme hiel natuerlik oer, it is selden boeketaal. Dat de twadde rykstaal dêr't Eppie Dam yn skriuwt gjin beswier hoecht te foarmjen om ek erkenning bûten de Fryske provinsjegrinzen te krijen, bewize de besprekken fan Lieke van Duin en Johan Gezels. Eppie Dam syn ferhalen binne universeel, sa't hij skriuwt oer emoasjes, ferwachtingen, teloarstellingen, konflikten, twivels, eangsten, fertriet en freugde, sprekt net allinne bern yn Fryslân oan, ek lêzers fan bûten de provinsjegrinzen sille ‘saken’ dy't bij it grutter wurden hearre werkenne. De ferhalen fan Eppie Dam slute oan bij de libbenswrâld fan ‘alle’ bern. Dat der no sa stadichoan ris in oersetting fan it wurk fan Eppie Dam komme moat stiet foar mij dan ek fêst, it soe goed wêze foar de fierdere emansipaasje fan 'e Fryske berneliteratuer. Boppedat soene noch mear lêzers sa de gelegenheid krije om fan it wurk fan Eppie Dam te genietsjen. Dat Eppie Dam in talint is, wist Thera Brugman-Coppens 27 jier lyn al. En ‘de kans om nog beter te gaan schrijven’, hat Eppie Dam yn 'e ôfrûne fearnsieu wiermakke. Dûbel en dwers!

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 420

Titia Lont watertoren

machtige wachter hoeder fan dat klaine plakky op 'e Bildtse kaart replika fan broer Akkrum roerloas fan bútten binnen barstens geweld wôndere waterfloed - harde straal ônder de does -

bron fan ferspilling bron fan leven beginpunt fan 'n syklus fan ôfwasse, giete, grieme, spoele, sproeie, spoite, druppe, drinke, deurtrekke, ôffoere, riolere, súwere en gaan soa maar deur

bin wij ôns nag bewust fan deuze overfloedige rykdom?

Trotwaer. Jaargang 32 421 gemeentehuus

al 't spinrag fan 't gemeenteweb komt in St.-Anne bijnander 'n fynmazig netwerk fan inspraakprosedures, wetsartikels en pepieren het 'm stevig installeerd an 'e Van Harensstraat

argeloaze besoekers sitte as mîggen fleugellam fertiisd in 'n wirwar fan draden

mooi in 't midden sit met syn spreekuur de opper-spin fan de Bildtse burgers mondige mîggen krimmenere wakker

maar elk weet dochs dat spinnen och soa nuttig binne?

Trotwaer. Jaargang 32 422

Graf te Blauwhuis Atze van Wieren

‘Huize Het Gras’ is in al die jaren uiterlijk niet veranderd. Net als toen, twaalf of dertien jaar geleden, lijkt het in slaap gesukkeld tussen de paar aangrenzende huisjes die aan het korte, nauwe straatje liggen, dat naar de klokkentoren voert. Het is stil in Greonterp op deze zondagmiddag, de drieëntwintigste juli van het jaar onzes Heren 2000. Alleen het lispelen van de bladeren aan de bomen, die in een cirkel om de klokkentoren staan, verbreekt die stilte. Een hees, eentonig fluisteren als van eindeloos herhaalde weesgegroetjes. De deur van de klokkentoren staat open. Binnen aan de muur foto's van de restauratie een paar jaar geleden. Een gastenboek ligt opgeslagen. Lovende woorden, ook van bezoekers uit Canada, naar Friesland gekomen voor Simmer 2000. Buiten ga ik op de liggende zerk van pater Johannes Bootsma zitten. Halfluid probeer ik uit mijn hoofd het gedicht ‘Graf te Blauwhuis’ op te zeggen, maar blijf er al snel in steken. Ik kijk naar de aanbouw van ‘Huize Het Gras’, waar Reve in de nok de steen met ‘Pati et Contemni’ heeft ingemetseld. Zijn schrijfhok, waar hij met kroontjespen ook dit gedicht heeft neergeschreven. Onvindbaar, dat graf te Blauwhuis. Een klein halfuur geleden heb ik de rijen zerken op het kerkhof naast de voor Blauwhuis fors uitgevallen katholieke kerk afgezocht naar het ‘strijdbaar opschrift’ en ‘het bruin geëmaljeerd portret’, maar het graf niet gevonden. Ik sta op en loop het straatje met de gele klinkertjes uit. Het valt mij op dat buurvrouw H., aan wie het gedicht is opgedragen, er niet meer woont. Het bordje met de naam Hofmeijer, dat jaren geleden nog naast de deur prijkte, heeft op de steen alleen zijn bleke afdruk nagelaten.

Graf te Blauwhuis

voor buurvrouw H., te G.

Hij rende weg, maar ontkwam niet, en werd getroffen, en stierf, achttien jaar oud. Een strijdbaar opschrift roept van alles, maar uit het bruin geëmaljeerd portret kijkt een bedrukt en stil gezicht. Een kind nog. Dag lieve jongen.

Gij, die Koning zijt, dit en dat, wat niet al, ja ja, kom er eens om, Gij weet waarom het is, ik niet.

Dat Koninkrijk van U, weet U wel, wordt dat nog wat?

(út: Gerard Reve, Nader tot U; Amsterdam 1966, s. 163)

In het weiland voor de hoger gelegen stelpboerderij neemt een meisje op een zwart paard soepel de opgestelde hindernissen. Het zonlicht glimt op haar rijbroek, die strak gespannen om haar billen zit. Haar lange donkere haren wapperen.

Trotwaer. Jaargang 32 Ik stap op mijn fiets. Rij met een roffel over

Trotwaer. Jaargang 32 423 het veerooster het gehucht uit. Terug naar Blauwhuis. En dan óp naar Westhem. Naar Greetje Bijma. Liederen van Johannes de Heer gaat ze zingen. Ik haal diep adem. Wijd het land tot aan de horizon. Ik voel me ruimer worden van binnen. Bij de Snakkepôle, ter hoogte van Jelle's Putjesbedriuw, haal ik een fietser in. Een oude man. Hij slingert. Ik bel. Als ik hem passeer kijkt hij met lege ogen opzij.

In de verste hoek van het vrijwel lege kerkhof, bij de sloot, maakt Greetje Bijma haar stembanden los. Toonladders waaien weg met de wind. Een begeleider is in de weer met apparatuur, die op een stoel naast het orgel staat. Voor haar ben ik gekomen. Ik had de aankondiging in de Leeuwarder Courant gelezen: Greetje Bijma zingt Johannes de Heer bij het kerkje op de terp te Westhem. Als sluitstuk van Simmer 2000. Ooit had ze mij met haar stem betoverd, vele jaren geleden, op de Nacht van de Poëzie in de Grote Kerk te Leeuwarden, toen ze blootsvoets, in zwarte pij, en helemaal in zichzelf verzonken, zingend tussen de kerkbanken doorging. Nu is ze zwanger, draagt een zwarte zonneklep op haar witte stekeltjeshaar. Ze eet tussen de riedels door een bruine boterham, drinkt uit een plastic fles. Haar bleke gezicht als toen, één en al expressie. Westhem vinden was eerder op de dag nog niet zo eenvoudig geweest. Grazige weiden tot aan de horizon, maar geen richtingaanwijzer die de weg naar Westhem wees. Zo belandde ik in Blauwhuis. Op het smalle terras van café De Freonskip tegenover Zorgcentrum Teatskehûs. Achter één van de ramen zag ik een verpleegster een oude vrouw voeren. Op de tweede verdieping stond achter de ramen van het trapportaal een oude man, klein en gebogen, wezenloos naar buiten te kijken. De zon scheen. Ik dronk mijn koffie. Zondagmiddag. Een groep motorrijders raakte op de viersprong in verwarring. Tegen elkaar schreeuwend ronkten ze uiteindelijk eendrachtig richting Bolsward. Ik overwoog, dat, nu ik toch hier was, ik net zo goed wederom kon gaan zoeken naar het ‘Graf te Blauwhuis’ dat ik, zoveel jaar geleden alweer, toen niet had kunnen vinden. En dan kon ik ook net zo goed weer even naar Greonterp gaan dat maar een kilometer verderop lag. Half twee was het inmiddels. Het optreden van Greetje Bijma begon om drie uur. Aan de serveerster, een oudere, zondags geklede mevrouw, had ik gevraagd waar Westhem lag. Het bleek op een steenworp afstand van Blauwhuis. Ik had dus nog tijd genoeg.

De blikkerige muziek stopt abrupt. Eén van de luidsprekers sputtert na. Ik zit tegen de muur van het kerkje, op het noordwesten. Greetje lacht. Zonet heeft ze wonderlijke geluiden ten hemel doen varen. Donker gorgelende bassen en hoge, ijle tonen. Haar begeleider komt op mij af. Krulletjes. Olijke kop. Als Boudewijn de Groot in zijn jonge jaren. ‘Komt u voor het concert van Greetje?’ ‘Ja.’ ‘Dat begint om drie uur in de kerk van Abbega, hier vlakbij.’ ‘Abbega? Ik had begrepen hier, in Westhem.’

Trotwaer. Jaargang 32 ‘Nee, nee, nee, dat is een misverstand. We beginnen in Abbega en komen dan later hier weer terug.’ Hij rolt onder het praten, met handige slagen, een luidsprekersnoer om zijn rechteronderarm.

Trotwaer. Jaargang 32 424

‘Hoe laat zijn jullie hier dan weer terug?’ Hij trekt zijn gezicht in een grimas. Lacht. ‘Tja... dat weet ik niet. Hangt ervan af hoe snel ze lopen.’ ‘Lopen?’ Ik begrijp er niks van. ‘Ja, we lopen van Abbega door de weilanden over het Tsjerkepaed terug naar Westhem, langs het project. Greetje zal daar nog wat zingen. De Heer is mijn herder, geloof ik. Het zal gauw half vijf worden voor we hier terug zijn.’ Hij knikt met zijn hoofd als om zijn raming te onderstrepen en loopt terug naar de opstelling bij de sloot. Het projekt. Ik had de grote blikken trechters op palen hierachter in het weiland zien staan. ‘Tongen yn 'e wyn.’ Tongen in de wind. De wind had ze moeten laten zingen, maar het werkte niet. Ze stonden stom en hulpeloos de hemel toegewend. De Heer is mijn herder. Een psalm van David. Drieduizend jaar geleden al gezongen. Nederliggen in grazige weiden. Ik kijk om mij heen. Tel acht oude, scheefgezakte zerken. Hier rusten de doden temidden van grazige weiden. Achter het raam van de grote stelpboerderij, schuin achter het kerkje, leest een boer de krant. Hij houdt hem wijd opengeslagen. Greetje, haar begeleider, en een man in antracietgrijs pak, die er de hele tijd enigszins verloren heeft bij gehangen, stappen in een oud model Saab en rijden weg. Ik spring op de fiets. Naar Abbega!

In Abbega staan ze de kerk uit, tot op het kerkhof tussen de graven. Vol. Stoelen worden aangesleept. Geharrewar. Uiteindelijk vindt iedereen plaats. In een hoek naast de preekstoel staat Greetje. Ze drinkt nog wat.

‘Greetje zingt. Zingt? Nee, zingen is het niet. Ze brengt klanken voort.’ (foto Jantine Swart)

Ik kijk om me heen. Propvol is de kerk. Een paar pommeranten van Simmer 2000 laten zich makkelijk herkennen. Karstkarel in zijn gewilde kunstenaarsoutfit, Kroes, Speerstra. Schrijver Kees 't Hart met zijn gekwelde kop zit schuin achter mij.

Trotwaer. Jaargang 32 Greetje zingt. Zingt? Nee, zingen is het niet. Ze brengt klanken voort. Ik hoor dialogen, een saxofoon, een trompet, ja, wat niet. Greetje is in d'r eentje een heel orkest. Improviseert. Reageert op wat ze ziet, hoort, binnen en buiten.

Trotwaer. Jaargang 32 425

Blootsvoets loopt ze door het middenpad. Haar gezicht één en al uitdrukking. Lach, kwaadheid, verwondering. Ja, verwondering vooral. Het schuin binnenvallende zonlicht laat alle trekken uitkomen op die jongensachtige kop met dat kortgeknipte, gebleekte haar. Dan hoor ik ineens, opstijgend uit die klaterende klanken, duidelijk de woorden: ‘Hij rende weg, maar ontkwam niet... ontkwam niet.’ ‘Graf te Blauwhuis’, gaat door mij heen, maar ik heb in de drukte geen programma weten te bemachtigen en kan niet nagaan hoe de nummers heten die ze uitvoert.

Ik fiets over de Hissedijk en De Kat terug naar Westhem. Rechts van mij trekt de lange rij concertbezoekers te voet door de landerijen. Het zwartbonte vee kijkt er niet van op. Graast vredig. Maar ‘De Heer is mijn herder’ zal niet klinken. ‘In verband met haar toestand’ loopt Greetje niet mee, zei haar begeleider, de organist, in de kerk.

Weer zit ik met mijn rug tegen de muur van het kerkje van Westhem. Wachtend tot ze komen. Naar het westen, op ongeveer een kilometer afstand, steekt de ranke toren van de kerk van Blauwhuis uit het groen van de bomen omhoog. Ik wacht. Hier, in de open lucht, op het kerkhof, zal Greetje haar concert besluiten. Misschien dat ze hier Johannes de Heer tot leven zal brengen, want daar heb ik in Abbega vergeefs op gewacht. De deur van de boerderij gaat open. Er komt een jongen in geruit hemd en vale spijkerbroek naar buiten, loopt het pad naar de kerk op en gaat naar binnen. Even later begint de klok te luiden. Droog en onregelmatig. Het houdt ineens op. De jongen komt weer tevoorschijn. Hij staat voor de lage deur met het jaartal 1708 erboven. Verbazing op zijn gezicht. ‘De klepel is eruit gevallen,’ roept hij naar een jong meisje dat buiten bij het zijraam van de boerderij staat. Het meisje gaat naar binnen, is in een ommezien weer terug. ‘Je moet de grote klok maar luiden, zegt moeder,’ roept ze naar de jongen, die besluiteloos, handen in de zakken, voor de deuropening staat. Als de eerste concertgangers door het smeedijzeren hek het kerkhof betreden luidt de klok, donker en galmend.

Op de stoel naast mij is een oudere vrouw komen zitten. Een vriendelijk hoofd. Grijs permanent. Lichtblauwe, verwonderde ogen als van een meisje dat het leven nog voor zich heeft. Zij houdt het programma opgerold in haar hand. ‘Mag ik even zien?’ vraag ik. ‘Ja, natuurlijk.’ Ze reikt het aan, buigt iets naar mij over. Ik ruik een vage, niet onplezierige pepermuntlucht. Inderdaad blijkt ‘Graf te Blauwhuis’ één van de nummers die Greetje in Abbega heeft gezongen. ‘Graf te Blauwhuis,’ zeg ik, meer tegen mijzelf dan tegen haar. ‘Ja, ja,’ zegt de vrouw zuchtend, ‘graf te Blauwhuis.’ ‘Weet u,’ zeg ik, ‘dat ik er vanmiddag nog geweest ben, maar het niet kon vinden?’ Ik kijk haar aan, zie de ouderdomsvlekjes bij haar linkerslaap, de haartjes op haar bovenlip. Hoe oud zou ze zijn? Midden zeventig?

Trotwaer. Jaargang 32 ‘Het is familie van me.’ Ze knippert een paar keer snel met haar ogen.

Trotwaer. Jaargang 32 426

‘Familie?’ vraag ik verbaasd. ‘Ja. Dat gedicht gaat over Gerrit Rijpma, een neef van mij. Hij is door de Duitsers doodgeschoten toen de oorlog al bijna voorbij was. Hij was de zoon van mijn moeders zuster. Zij heeft later naast Reve in Greonterp gewoond. Ze was met Hofmeijer getrouwd. ‘Goh.’ Ik zie weer de bleke afdruk van het naamplaatje voor me. ‘Woont ze er niet meer?’ ‘Nee, hij is al jaren dood en zij is verhuisd.’ Ze kijkt me aan, glimlachend, maar met verdriet in haar heldere ogen. ‘Wat toevallig dat ik u ontmoet. Ik heb om dat graf gezocht en kon het niet vinden.’ ‘Nou, hij ligt er wel hoor.’ Ze begint te vertellen hoe ze hier vlakbij is opgegroeid. Op een boerderij. Altijd mee moest helpen. 's Morgens vroeg de koeien melken, 's zomers hooien. Er was altijd wat te doen. Dat ze 's winters, als het streng had gevroren, op schaatsen naar school ging in Blauwhuis. Dat het allemaal zo lang geleden is. Dat ze nu elders woont, maar dit hier vandaag wilde meemaken. Luid galmend komt Greetje de kerk uit naar buiten. Zij schrijdt langzaam, als in trance, tussen de mensen door naar het lager gelegen deel van het kerkhof, bij de sloot, waar het orgel staat opgesteld. Weer het wonder van haar stem die stijgt en daalt en steeds van kleur verandert. Ik probeer Johannes de Heer eruit te destilleren. Per slot ben ik daarmee achter het harmonium opgegroeid. Ik hoor het er niet in. Ik denk aan heel vroeger. Aan zondagen op de boerderij, waaraan geen einde leek te komen. Er een vreemde stilte over de landerijen rondom lag, als voor een onweer. Als ik, na afloop, afscheid van de vrouw wil nemen, kijkt ze me aan op een manier, alsof ze iets wil zeggen, maar het niet durft. Ik blijf staan. Wacht. ‘O ja, zeker,’ klinkt vlakbij de scherpe stem van Kroes, ‘dat moet een nicht van mij zijn.’ Pal naast mij oreert Hylke Speerstra temidden van een groepje oudere mensen, die, sommigen de mond halfopen, naar hem opkijken. ‘Weet u,’ begint ze aarzelend, ‘als ik nu eens met u meega naar Blauwhuis. Ik logeer daar en dan kan ik u het graf laten zien. Verlegen kijkt ze me aan, alsof ze iets onbetamelijks voorstelt. ‘Prima,’ zeg ik, ‘dat doen we.’ We lopen langzaam, over de Feytebuorren, tot buiten het kleine gehucht, waar ik mijn auto heb geparkeerd. Ik zet mijn fiets op de Twinny Load. Als we wegrijden zit het kleine terras van café De Kot al vol. Kees 't Hart zit met zijn stoel bijna op straat. Hij ziet bleek. Er ligt een norse trek op zijn gezicht. Afwezig staart hij voor zich uit, alsof hij niet bij het gezelschap hoort.

Vanachter het baarhok komt een oude man tevoorschijn. ‘Hé,’ zegt ze, even haar hand op mijn arm leggend, ‘die ken ik. Daar heb ik vroeger bij op school gezeten.’ In de man die nu op ons toe komt lopen, herken ik de fietser, die ik eerder deze dag, bij de Snakkepôle, achterop reed, na mijn bezoek aan Greonterp. Ik verwacht een hartelijke begroeting tussen de beide schoolkameraden, maar die blijft uit. Het lijkt niet tot hem door te dringen wie zij is. Ze staan onhandig en verlegen tegenover elkaar.

Trotwaer. Jaargang 32 Hij is tenger van postuur, ongeveer één meter zeventig lang, met kleine blauwe pretoogjes in een gerimpeld gezicht. ‘Weet jij waar Gerrit Rijpma ligt,’ vraagt ze, een eind makend aan de ongemakkelijke situatie.

Trotwaer. Jaargang 32 427

Greetje Bijma en Klaas Hoek fersoargje by it tsjerkje fan Westhim de lêste manifestaasje fan it Frysk Festival 2000. (foto Gryt van Duinen)

‘Gerrit Rijpma... Gerrit Rijpma.’ Hij knijpt z'n oogjes dicht, schudt zijn hoofd. ‘Zijn ouders liggen daar,’ wijst hij. ‘Ja, maar waar ligt Gerrit.’ Hij kijkt beteuterd, schudt weer zijn hoofd. We lopen elk een kant op. De oude man sluit zich bij mij aan. ‘Wie zoekt u ook alweer?’ ‘Gerrit Rijpma.’ ‘O ja, Gerrit Rijpma. Zijn ouders liggen daar.’ Weer wijst hij met zijn hand. Er liggen hier Rijpma's bij de vleet, constateer ik, maar nergens de steen met het ‘strijdbaar opschrift’ en ‘het bruin geëmaljeerd portret’. ‘Wat denkt u hoe oud ik ben?’ De oogjes glimmen. Laat ik hem een plezier doen. ‘Zeventig?’ ‘Nee, éénentachtig.’ ‘Goh, dat zou je niet zeggen.’ ‘Nee hè? Ik heb vijf broers. We zijn allemaal

Trotwaer. Jaargang 32 428 over de tachtig.’ ‘Tsjonge zeg, wat een ijzersterk geslacht,’ zeg ik, doorstappend en de namen op de zerken lezend. ‘Wie zoekt u ook alweer?’ ‘Gerrit Rijpma.’ ‘Oh, Gerrit Rijpma.’ Hij drentelt achter mij aan. Helemaal aan de andere kant van het kerkhof zie ik de vrouw tussen de stenen gaan in haar halflange, net over de middel vallend, witte jack. Ze loopt gejaagd, licht voorover gebogen. ‘Hoe was de naam ook alweer?’ Niet best, denk ik. Dat moeten vermakelijke verjaardagsfeestjes zijn als de broers bijeen komen. Het schrikbeeld van oud en dement worden dringt zich treurig makend aan mij op. Ik versnel mijn pas om de oude man af te schudden en voeg mij even later bij mijn metgezel. ‘Ik snap er niks van,’ zegt ze, ‘onbegrijpelijk.’ ‘We hebben alles gehad,’ constateer ik, ‘het graf is er gewoon niet.’ ‘Onbegrijpelijk,’ herhaalt ze koppig, ‘ik weet zeker dat hij hier ligt.’ Ze kijkt om zich heen met een blik alsof ze in een laatste poging de steen met de naam van Gerrit Rijpma erop te voorschijn wil dwingen. ‘Ik wou het u laten zien, en nu... nu...’ Ze kijkt me aan. De glimlach is weg. Haar gezicht staat triest en lijkt plotseling veel ouder en vol rimpeltjes. We lopen terug naar het hoge ijzeren hek met de toegangspoort. ‘Weet u wat,’ zegt ze, ‘ik zal het mijn broer vragen. Die weet het wel. Geef mij maar uw adres en telefoonnummer. Ik zal u bellen of schrijven.’ Bij de auto geef ik haar mijn kaartje. We nemen afscheid. Ik kijk haar na als ze wegloopt, de schouders gebogen. Een oude vrouw. Ze is mij dierbaar geworden, ook al ken ik haar nog maar net. Als ik in de auto stap, zie ik de oude man tussen de graven rondscharrelen. Hij maakt gebaren en lijkt in zichzelf te praten.

Nog geen week later word ik gebeld. ‘Het graf is geruimd,’ zegt ze. ‘De resten zijn overgebracht naar het ereveld bij Loenen.’ Haar stem klinkt zacht en ver weg. ‘Ik wist het niet,’ hoor ik haar zeggen, ‘in mijn tijd lag hij altijd op Blauwhuis.’ ‘Het geeft niet,’ zeg ik, ‘het raadsel is in ieder geval opgelost. Bedankt voor het telefoontje.’ ‘Ja,’ zegt ze, ‘ja, goed. Ik had het u zo graag willen laten zien. Ik wist het echt niet.’ Als ik haar nog eens wil zeggen, dat het niet erg is, dat ik allang blij ben dat ik nu weet hoe het zit, heeft ze al opgehangen.

Trotwaer. Jaargang 32 429

Tegels Meinou P.

Op in jûn giet de bel. De Met, dy't dan noch net wit dat se tsien jier letter sa neamd wurde sil yn Piksjitten op Snyp, nimt oan dat de dichteresse út it âlde lân op 'e stoepe stiet. Se kin dan fansels ek noch net witte dat dy tsien jier letter sa neamd wurde sil yn datselde boek, mar se tsjut har no mar sa oan. En it is de dichteresse, mar se is net allinnich. In lang figuer mei in jas oer de holle stiet nest har. ‘Kadootsje út Peins,’ ropt se en pakt him út. Der komt in apige âldere jonge mei freonlike eachjes foar't ljocht. De Met sjocht harsels ynienen as lyts famke rinnen by de A-peallen lâns mei in fjouwerkant, heechoppich blik yn 'e hân en krijt de rook fan petroalje yn 'e noas. Yn in flits sjocht se ek wer hoe't in noartske man de kap, dy't fan har klomp is, fêstmakket mei kramtried en har in fol blik fan dat sterk rûkende spul jout. Dat is De Ysk, heit fan de man dy't no foar har stiet. ‘Hee, Jehannes’, seit de Met. Se wit dan wol, dat hy allang Josse neamd wurdt, dat literatuer syn libben is en syn libben literatuer en dat skriuwen foar him in net alheel ûnbekend fak is. Se hat allinnich noch nea in boek fan him útlêzen.

Tsien jier letter seit de dichteresse út it âlde lân dat de Met it nijste boek fan Josse de Haan wol lêze moat. Se is fol bewûndering. ‘Jim famylje komt der ek yn foar,’ seit se. No, dat skrikt de Met earder ôf. Sy hoecht har famylje net troch Josse syn eagen te sjen. Mar in oarenien fertelt har dat se bûten De Ank om amper meidogge. ‘En moatst de stikken oer De Grutsk oerslaan,’ sei dy, ‘dêr is neat oan.’ De Met hellet it boek yn 'e hûs. Undertusken lêst se dat Josse sein hat dat lju dy't aardich op 'e hichte binne mei Nederlânsktalige en bûtenlânske literatuer, lyk as hysels, folle breder en ynkringender reagearje as de lju dy't dêr hast neat fan ôfwitte. De Met wrakselet har fluch hinne troch De revue fan Kees 't Hart, Publieke werken fan Thomas Rosenboom en Elementaire deeltjes fan Michel Houellebecq. Se genietet. Dan begjint se. Se lêst alles. Se wol neat misse. Se komt by it ferhaal oer De Harch, dejinge dy't foar har heit stiet. Se lêst it te fluch en sliept der in nacht net fan. Se wit wol dat it net wier wêze kin wat De Lytsk oer him fertelt, mar dochs kin se it net kwytreitsje. Dan nimt se dy passaazje nochris troch en komt derachter dat it him allegearre yn in dream fan De Lytsk ôfspilet. Dat skeelt. Se lêst oer De Jodsk, dy't noch yn har poezyalbum stiet en oer De Kor, har freondintsje, dat letter nei Veendam ferhuzet. Se praat mei har bruorren en suster oer wa't wa is. Se tinkt oan dingen dêr't se yn jierren net oan tocht hat. Se folget De Grutsk en wol ha dat hy ek mei syn komôf oantangele sit. Reagearret er sa agressyf om't er tinkt dat der noch altyd in walm fan petroalje om him hinne hinget?

As De Met it hiele tsjûke boek út hat, beseft se dat se noch lang net erudyt genôch is: se fynt in grut part oerstallich. Dat is spitich fansels. Om Josse nei te kommen sil se har mear bekwame moatte yn de literatuer dy't fan bûten Fryslân komt. Mar fierder is it foar har in moai kado út Peins.

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 430

Sintrifugaal Margryt Poortstra

As de bussjauffeur út 'e sleatswâl omheech komt sjocht er de frou mei de ljochte jas stean. Se stekt him in pakje papieren bûsdoekjes ta. Breed stiet se dêr, heger as hysels, sadat se him fan 'e oare kant fan 'e dyk net sjen kinne. Hy soe him skamje moatte, mar hy fielt him inkeld beroerd. As er syn hân útstekt om de bûsdoekjes oan te krijen sjocht er lyk yn 'e sinne op dy't krekt boppe har skouder útkipet. Hy kin har gesicht net sjen. Pas as er op 'e selde hichte stiet fernimt er dat se gûlt. Se hat har de útrinnende maskara oer de wangen smard en se snút de noas. Hy brekt de plestiken boppekant fan it pakje iepen en hellet in doekje oer de mûle, flibet de lêste soere spui deryn en smyt it yn 'e sleat. Mei in skjinnenien droeget er de eagen. ‘Better?’ freget de frou. Hy knikt, mar mient it net. It sil wol moatte. ‘De plysje freget nei jo,’ seit se en wiist mei de holle nei de oare kant fan 'e dyk. Hy sjocht de wite auto stean, de mannen yn 'e blauwe pakken, dy't net iens safolle oars binne as syn eigen unifoarm. ‘Jo hoege josels neat te ferwiten, jo koenen it net foarkomme,’ seit de frou. ‘Ik hie yngripe moatten.’ Se rinne tegearre troch it gers. Hy rint mei de holle foardel, faget mei beide hannen troch it gesicht en sykhellet in pear kear djip. By de dyk leit se in hân op syn earm. ‘Sjoch,’ wiist se, ‘de sikewein.’ As er it lûd fan 'e sirene heart, komt him yn 't liif wer alles yn ferset. Hy sil sûnder út te sjen oerstekke. Se hâldt him op 'e nij tsjin as in auto foarby rydt. De bestjoerder soe him net sjoen hawwe, dy is ien en al each foar de kloft bern yn 'e berm achter de grutte bus, dy't leech en ferlern te wachtsjen stiet, foar de plysjewein en foar de ambulânse dy't no sûnder yn te hâlden fan 'e dyk ôf tusken de hastich útwikende omstanners it gers ynrydt. ‘Kom no mar,’ seit de frou, en hy lit him oer de dyk liede, besiket de skouders rjocht te lûken en stoppet de bûsdoekjes djip yn 'e bûse. Hy krijt in triuwke nei de plysjeman dy't nei him útsjocht. ‘Ik wachtsje aanst wol even op jo,’ seit se. Hy knikt. Dat wol er graach.

It is drok yn 'e stêd. Doe't er de waarberjochten justerjûn yn it sjoernaal seach hied er it al ferwachte. De moarns noch rein en letter op 'e dei opklearrings. Hy wit sa stadichoan krekt hoe't it giet. De memmen mei lytse bern ha mei it suterige waar fan 'e ôfrûne maitiid fierste lang opsluten sitten en de âlde minsken fertutearzen achter de geraniums. Withoelang gjin sinne en as dy dan te foarskyn komt gean de minsken nei bûten.

Trotwaer. Jaargang 32 431

By it stasjon hat er de bus al foar mear as de helt fol. Syn bakje tee hat er nei in pear slokjes stean litten om op 'e tiid wer yn te stappen en kaartsjes ôf te stimpeljen, oars is er aanst fierste let yn 'e doarpen. Jonge froulju stappe yn, stroffeljend oer de pjut dy't sels by it trepke omheech moat om't mem de hannen fol hat oan 'e wein en de tas en de beurs. Alde minsken hise har trêd foar trêd oan 'e stange omheech en litte de fiifensechstichplus-kaart sjen. Dat binne de rêstige passazjiers. Achteryn sit it dan al fol mei skoalbern dy't har ivich en altyd tjirgje as se in hiele dei stilsitten hawwe. Nei safolle jierren wit er wat er ferwachtsje kin, mar likegoed is krekt dat fertroude him dierber. No't er hast oan 'e ein is fan syn sjauffeurskarriêre mist er it al yn 't foaren. Net dat er gek is op 'e drokte. It leafste hat er de ritsjes mei it bekende publyk, de minsken mei de fêste wurktiden, dy't jierren achterinoar by deselde halte yn- en útstappe. De ritten fan in oere as acht en dy fan in oere as fiif, healwei seizen. Earder op 'e dei, as de skoalbern massaal ûnderweis binne, set er it ferstân op nul. Dan ride se mei in stik as seis bussen achterinoar oan om de bern by de opstapplakken yn te laden. Der wurdt prottele en treaun, de wekkersten balte wat lûder, mar de measten litte har as skiep yn 'e stream meilûke en falle mei de swiere skoaltas op 'e skurte op 'e bankjes of skowe swijend yn it middenpaad nei achteren, fierder, noch fierder, oant de lêste steanplakken by him foaryn, oant op it trepke ta, beset binne. Soms kin er amper yn 'e bûtenspegel sjen en moat er freegje oft se de holle foardel dwaan wolle. It heart derby, de bern moatte no ien kear nei skoalle en hy soarget dat soks kin. Yn al dy jierren hat er noait ûngemakken of fjochterij hân. Hy kin, al seit er it sels, aardich mei de jongerein opsjitte. No en dan in grapke, net al te stiif en strang, mar likegoed dúdlik. In pear kear hat er der ien útstjoerd, midden op 'e romte, sadat dy, om ôf te kuoljen in moai ein rinne moast. It duorre net lang of se wisten wat se oan him hienen en dat soarge foar rêst yn 'e bus. Der wienen jierren by dat er wat favoriten hie. In pear drokteskoppers fan de LOM-skoalle hienen withoefaak om him hinne sitten. Fertelle, prate, sjen litte. Hy seach de jonkjes noch stean op 'e râne fan 'e stoepe. Se stienen gjin momint stil, se swaaiden mei de skoaltassen om har hinne en lutsen it famke mei it briltsje oan 'e lange sturten. It famke mocht, as de bus kaam, as earste ynstappe, wêrnei't se altyd op it bankje achter him kroep. Sa wienen de hearen dan ek wol wer. Hjoed hat er in protte fan sokke oantinkens. Frjemd dat it him ynienen sa yn 'e besnijing hat. Elk dy't it witte woe hat er ferteld dat er nei de ein útsjocht, dat er frij fan plicht en druk wêze wol, dat it him de lêste jierren

Trotwaer. Jaargang 32 432 hieltyd mear kostet, dat syn eagen minder wurde en de pine holle slimmer. Soks. Dat it bussjauffeur wêzen al dy tiid it middelpunt fan syn libben west hat, hast noch mear as de húshâlding thús, hat er fan him ôfskood. It hâldt in kear op en dy kear sit der no oan te kommen. Noch in lyts healjier. Dizze pear moanne foar de simmerfakânsje, aanst de eksamentiid, de toeristetiid, dan it ynstappen fan 'e ûnwisse brêgeklassers, dy't mei in pear moanne al sa bretaal as mosken binne, en dan is 't oer, foar him foargoed. Fan 'e moarn hat er wer in stik as wat bekenden yn 'e bus hân. Yn dy fan healwei sânen siet de man mei de aktetas en it reade sjaaltsje, dat er by simmer en winter om hat. Dy moat in hiel ein, earst mei de bus en fierder mei de trein, earste klasse hat er him wolris ferteld, dan kin er ûnderweis noch wurkje. In aardige man, dy't altyd wol in praatsje makket, mar net tefolle oer himsels kwyt wol. Dat er in protte gesichten ken, hat er hjoed betocht, mar tagelyk fan gjinien wit hoe't hy of sy hyt, net wit wêr't se wenje, wat se krekt dogge. Hy hat se nammen jûn as ‘de man mei it sjaaltsje’, ‘de frou mei de plestiken boadskiptas’, ‘de man mei de swarte neilen’ - dêr ûntkomt er net oan: de hannen sjocht er altyd it bêste - en ‘de frou mei de ljochte jas en it boek’. Sy sit no wer yn 'e bus. Midden yn 'e stêd stapt se yn. As er nei de stoeperâne rydt stiet se te lêzen, as se ynstapt glimket se - hy tinkt dat se syn gesicht ek fertroud fynt - en hâldt mei de iene han it abonnemint omheech, wylst se de fingers fan 'e oare hân tusken it boek knypt. Se hâldt net fan drokte en praten, mar ek net fan 'e benaudens yn 'e folle bus. Ditkear sit se yn 'e twadde helte fan 'e lange wein, dy't yn 'e midden in draaiplato hat. De earste helte sit al fol. Hy wit dat se mei dit waar in plakje sykje sil achter ien fan 'e boppelûken, dêr 't de wyn ûnder it riden noch wat trochhinne waait. Hy hat in hekel oan dizze grutte bussen. Der kinne fierstefolle minsken yn, en aanst, as it middenpaad wer fol stiet, as de bern fan de oare skoalle der noch by ynmoatte, hat er gjin sicht mear op syn passazjiers. De frou mei de ljochte jas en it boek glimke niiskrekt ekstra freonlik liek it wol, as fielde se mei him mei. Se wurket net hiele dagen, mar oant healwei de middei. It begruttet him ek wolris om har, want om dy tiid sit se altyd yn in grôtfolle bus tusken de skoalbern. Noch in pear moanne, dan binne se wer ûnder elkoar. Hy moat yn himsels laitsje as er deroan tinkt dat in nijslêzer fan it sjoernaal dat in kear sei doe't er in fuotbalwedstryd op it oare net wie: ûnder elkoar, wylst de man him net iens sjen koe. By de lêste halte yn 'e stêd sjocht it noch swart fan 'e bern. Hy draait nei it bushokje ta en skept hast ien fan 'e weachhalzen op 'e bumper. It giet wer krekt goed. Hy skodhollet as de earsten omheechstoarmje, mar it makket gjin yndruk. Se stroffelje hast oer inoar hinne en hy kin amper de abonneminten lêze dy't se yn it foarbygean omheechstekke. In meager famke

Trotwaer. Jaargang 32 433 fan in jier as fjirtjin mei read hier, dat hast rjocht oerein stiet, en in heal ear fol mei sulveren rinkjes hat it sa drok mei tsjetterjen dat se sa trochrinne sil. Hy krijt har by de earm en lûkt him neat oan fan har ferhearde eagen. Hy wit wol dat se fan 'e moarn ek yn 'e bus siet, mar hy wol har kaart sjen. It duorret in ivichheid foar't se it ding ûnder út de rêchsek fiske hat. Mei in fjoerreade holle rint se troch nei achteren.

Se hat in boek yn 'e hannen, mar se lêst net. It is waarm, se kin har min konsintrearje. Yn 'e bibleteek wie it sa rêstich dat se der allegearre wat sleau fan waarden. It is ek in aaklik gebou om yn te wurkjen as it wat waarm is. Yn 'e ôfrûne wiken hawwe se it drok hân, kjeld en rein binne it bêste as se wat minsken hawwe wolle. Sels hat se it leaver as der wat oanrin is. In stille dei, lyk as hjoed, duorret sa lang. It is ien stik leven yn 'e bus. As se ynstapt is de earste helte al fol en se siket in plakje achter it draaiplato, achter it iepensteande lûk dêr't se ûnderweis noch wat frisse lucht krijt. Se is te sleau om har drok te meitsjen om it balten om har hinne. Al jierren sit se tusken de skoalbern en mei it boek op 'e skurte besiket se har ôf te sluten, har eigen territoarium te skeppen, sadat se der gjin lêst fan hat en se har gewurde litte. Se fielt in knibbel yn 'e rêch en as de bus oplûkt falt in famke mei rêchsek en al oer har hinne. It bern is slop fan it laitsjen en rekket hast it stik kaugom kwyt dat se yn 'e mûle hat. Se skoot noch wat fierder nei it rút. It boek stoppet se yn 'e tas, der komt hjoed neat fan lêzen. By de lêste halte stappe de folwoeksenen út en oan 'e foarkant fan 'e bus wurdt noch ien lading skoalbern opslokt. Se docht de eagen even ticht en wriuwt oer de seare foarholle. Wurch is se, skjin tenein. Se betinkt wat se ite sille. De wask moat earst yn 'e masine, dan kin dy draaie as se nei de buorren fytst om boadskippen. Soe Jantine al thús wêze? Se sykhellet djip en as se de eagen wer iepen docht sjocht se har dochter. Tusken de bern dy't troch it middenpaad tûmelje kipet it reade hier fan Jantine út. Se is ien fan 'e lêsten en ien fan 'e droksten. Noch in pear bankjes en se is op har hichte. No krekt dwaan as sjocht se har net. It wurdt hieltyd yngewikkelder. Yn it earste jier dat har dochter op 'e middelbere skoalle siet, hie it noch wol wat dat se deselde kant útmoasten. Soms gongen se tegearre de doar út en rûnen mei har twaen nei de bus. Doe fûn Jantine it noch wol handich dat har mem yn 'e selde stêd wurke as wêr't har skoalle stie. Se liet de swiere skoaltas wolris yn 'e bibleteek by har stean as sy mei in stel freondinnen de stêd yngong as in les útfoel. Mar dy dingen duorren net lang. Jantine groeide by har wei. Se woe har net altyd om har hinne ha, se waard bretaal en begong har útwrydsk te klaaien. Op in dei hie se it lange, ljochte hier ôfknippe litten en kaam thús mei in

Trotwaer. Jaargang 32 434 koart prúkje, dat yn fette plukjes oerein stie. Read wie it. Har dochter woe wat dúdlik meitsje, mar se koe der mar net achter komme wat dat wie. Miskien wie it inkeld dat se har op ôfstân sette woe. It soe wol by de leeftyd hearre. It die har sear, mar se woe soks net blike litte. Dat Jantine har aardich fûn, dat wie it allerwichtichste. Har dochter wie it sintrum fan har bestean, har iennichst bern, en se hie alles foar har oer. Se besiket har los te litten, de ôfstân te respektearjen dêr't har bern blykber ferlet fan hat. As Jantine it earste oere frij hat en mei deselde bus moat as sy, slûpt se, krekt even earder as har mem, ta de doar út. Soms sjocht se har yn 'e fierte rinnen. By de bushalte docht se krekt as ken se har net. De dochter siket har skoallegenoaten op en sy stiet wat fansiden, it ivige boek yn 'e hannen. Jantine sjocht har lyk yn it gesicht. Se kin no net dwaan as hat se har net sjoen. Se glimket, siket yn 'e gleone eagen oft har dochter kontakt makket, en as dat net sa is, sjocht se in oare kant út. No net. Goed. Aanst hiel miskien. As se tagelyk de bus út moatte en deselde kant útgean en oare bern net mei har oprinne. Wa wit.

De bus rydt de stêd út. De lêste stopljochten en dan komt it lange ein sûnder haltes. Op 'e achterbank leit in kloft jonges en famkes oerinoar hinne te healwiizjen. In pear bern sitte achterstfoar op 'e knibbels op 'e bank. Yn it middenpaad triuwe se tsjininoar oan. In jonge fan in jier as fyftjin raast oer alles hinne. Hy sit in pear bankjes foar har en se sjocht hoe't er him oer in pear bern hinne wrot. De skoaltas dy't er earst noch by him hold, smyt er fan him ôf. Hy ropt noch lûder en hy krijt de oandacht dy't er hawwe wol as er op 'e leunings fan 'e bankjes klimt, heech boppe alles útstekt en him op it liif slacht as wie er in grutte aap. Se sjocht om har hinne. Sy is de iennige folwoeksene hjir achter yn 'e bus. It benearret har suver. Dit is in toanielstik dêr't se de ferkearde rol yn hat, hjir heart se net by. Hiel even sjocht se Jantine, dy't lyk as de oaren yn 'e hannen klapt en mei bewûndering nei de jonge omheech sjocht. Is dat har bern? De jonge stekt de hannen troch it lûk boppe syn holle en lûkt him omheech. Hy swaait mei de fuotten troch it paad en de bern dy't dêr stean dûke nei ûnderen om net troch syn skuon rekke te wurden. No hat er pas goed de oandacht. Mei glinsterjende eagen sjocht er nei ûnderen. Der wurdt roppen, se stoke him op. De bus hellet in trekker yn, makket in slinger, en hy sjit mei ien hân los. Wer in jûchhei. Dan giet it fierder oer in rjocht stik dyk en de jonge siket wer hâld, lûkt him noch fierder omheech, stekt de holle en dan it liif troch it lûk en ferdwynt út it sicht. It hert kloppet har yn 'e kiel. Dit is net inkeld in spultsje mear. Se knypt

Trotwaer. Jaargang 32 435 yn 'e tas dy't se op 'e skurte hat. Elk sjocht omheech nei de iepening dêr't de jonge trochhinne krûpt is. It duorret. Guon roppe. Se skoot in pear sintimeter nei foaren, twifelt. Jantine stiet in pear meter fierderop mei de hannen omheech. Se kin har gesicht net sjen. Ynienen brekt de spanning. Achter har is it grut tumult. Troch it twadde lûk, in pear meter fierderop, komme in pear fuotten te foarskyn, skonken, in liif, in gnizend gesicht. Dan lit er him falle. Noch in kear! Se trillet deroer. Hjir moatte se mei ophâlde. Se stekt in han omheech, siket eachkontakt met de sjauffeur, mar der stean tefolle bern foar om de spegel boppe syn holle sjen te kinnen. As se ropt komt har stim net heal boppe de oaren út. Mei bange eagen sjocht se hoe't op 'e nij de spikerbroek en de sportskuon troch it gat ferdwine. Se sil oerein komme. Jantine draait har om, sjocht har oan. Wat wol se?

Foar't de plysjeman de bussjauffeur meinimt komt er har kant in pear stappen út. Hy wiist nei har en se lûkt de skouders byinoar. ‘Wolle jo hjir wachtsje, dan kinne wy aanst noch even mei jo prate.’ Se slokt, knikt mei de holle. Wis, fansels. Se sjocht om har hinne. Se wol har net tusken de bern bejaan dy't no stil byinoar stean. Hjir en dêr hâldt ien in mobyltsje tsjin it ear. Guon gûle. Jantine hat gjin ferlet fan har, dy stiet mei de earm fan in freondinne om har hinne, mei de rêch nei har ta, de holle foardel. Se rint troch it gers en lit har oan 'e sleatskant sakje. De grûn is noch wat damp, mar it kin har neat skele. Dat har jas smoarch wurdt deart har ek net. Dy soe se dochs al fuortdwaan. Jantine skammet har dêr dea foar hat se in pear wike lyn sein, in jas út it jier nul. Se siket in skjinne bûsdoek en faget de triennen fan 'e wangen. Se tinkt oan sokke mâle dingen. Fierderop sjocht se tusken de skonken fan 'e bern troch hoe't it sikeweinpersoniel mei de jonge oan 'e gong is. Om syn nekke komt in brede bân. Ien fan 'e mannen hâldt in apparaat mei slankjes yn 'e hichte. Soe dat betsjutte dat er noch libbet? Foarsichtich wurdt er op 'e brankaar tild. Wer flitse de bylden har troch de holle. As yn in stomme film sjocht se hoe't Jantine foar har oer stiet te razen. Pas letter hammerje de wurden yn har earen nei. ‘Do hiest him tsjinhâlde moatten! Wa is hjir no de mem. Altyd warskôgje, mar as it dêrop oankomt...’ Har mûle lûkt skean en mei de tonge faget se oer de boppelippe dêr't it snot har by del rint. ‘Rotwiif,’ byt se har noch ta en har eagen sjitte fjoer. Dan faget se mei de earm oer it gesicht en draaft by har wei. De bocht kaam te gau. Der kamen noch gjin fuotten troch it lûk. In pear bern krigen it yn 'e gaten en rôpen dat er opsjitte moast, no, komme! It wie

Trotwaer. Jaargang 32 436 te let. De bus naam de bocht, giseljend mei it achterein, en even wie it deastil. Doe foelen se oerinoar hinne nei it achterrút. Se wiisden en skreauden om it hurdst, de famkesstimmen heech oer alles hinne. De bus wie de bocht al foarby. Foar de sjauffeur út draafden de bern troch it gers by de dyk lâns werom. Hy lei in hiel ein fuort. Kâld wie se ynienen, har fuotten woenen inkeld stadich foarút. Noch mear as earder hie se it gefoel dat se hjir net by hearde, der amper by wie. Se waard hast omtreaun troch de bern om har hinne. Dêr hielendal, waard roppen. Sa fier? Sintrifugale krêft, lei in famke oan har freondinne út, en doe't dy har mei grutte eagen oanseach sei se: middelpuntwikend, wylst se mei de earmen in brede swaai makke. De freondinne begriep it net. De tiid befrear. In jonge rôp dat er syn húsdokter belle hie en stuts syn mobyltsje omheech. Der kaam in reade auto en de man dy't derút sprong jage mei autoriteit de bern by it slachtoffer wei. De dokter luts de sjauffeur oan 'e earm dy't op 'e knibbels by de jonge lei. De sjauffeur stroffele oerein, draaide him om, stuts de dyk oer en sakke mei de earmen oer it liif de sleatswâl yn. Se koe him fan gesicht. Hy ried al jierren op dizze bus, hy wie de jongste net mear. Aanst sil se noch even mei him prate as se de kâns krijt. Se stoarret foar har út, hellet de hannen troch it hier en lit se even op 'e earen lizze. Rotwiif. Se heart it noch. It wurd sit har fêst yn 'e holle.

Trotwaer. Jaargang 32 437

Ypk en Iris - in dossier revisited Doeke Sijens

Yn 1963 publisearre Iris Murdoch The Unicorn, har sânde roman. It boek soe yn 'e jierren tachtich foar in affêre yn 'e Fryske literatuer soargje, dy't noch altyd net foarby liket. In healjier lyn waard de saak nammentlik yn it tydskrift Fryslân noch wer ris ophelle en ek Josse de Haan tiist der yn syn roman Piksjitten op Snyp mei om. Genôch reden om it dossier wer ris iepen te dwaan.

Yn 1978 kaam Ypk fan der Fear mei De dei is jong. Fjouwer jier letter publisearre Jelle Krol yn Trotwaer in stúdzje oer de parallellen tusken dy roman en The Unicorn fan Murdoch. Krol liet sjen dat de oerienkomsten tusken beide boeken opfallend wienen. Syn konklúzje wie dat er dat noch wol oersljochtsje wollen hie, at De dei is jong in better boek wurden wie as The Unicorn. Neffens himwie dat lykwols net it gefal. Ypk fan der Fear wie sa bot troch Murdoch beynfloede, dat har eigen lûd der net boppe út kommen wie. Krol miende dat dit de reden wie ‘dat de persoanen yn it boek net libje en dat der hieltyd wer foarfallen en situaasjes beskreaun wurde dy't net mei-inoar strike. De reden foar dat lêste soe wêze kinne, dat Fan der Fear wat yn 'e tiis rekke mei The Unicorn doe't se besocht om har roman dochs noch wat eigens te jaan.’ Yn in reaksje joech de skriuwster yn itselde nûmer fan Trotwaer antwurd op de fraach ‘Wêr haw ik it wei?’. Se begûn mei Jelle Krol leech te lizzen. Hy soe wol goed oan it grutte tal siden yn Trotwaer fertsjinje, miende se, en: ‘flieën fange by in oar skynt moai wurk te wêzen’. It wurd stúdzje sette se as it om Krol syn artikel gie tusken skrapkes. The Unicorn hie wol grutte yndruk op Fan der Fear makke, mar fierders hâlde se dochs mear fan it wurk fan Virginia Woolf. De ynspiraasje foar De dei is jong wie ‘rûnom’ wei kommen. Yn har reaksje gie se foarby oan de parallellen tusken har boek en dat fan Murdoch. De earste dy't op de Trotwaer-publikaasjes reagearre, wie Tiny Mulder. Yn it Friesch Dagblad neamde se Krol syn stik ‘in meagere stúdzje by gebrek oan kennisse’. Neffens har liken net allinnich dy beide boeken op inoar, mar liken in soad boeken op inoar, al hielendal as se ta it sjenre fan de ‘gothic novel’ hearden. Mulder frege har of oft Krol dat sjenre wol koe. Dat de Deiblêd-resinsinte der sels net bot yn thús wie, die wol bliken út it feit dat se yn dat ramt Jane Austen neamde, in skriuwster dy't no just in parody op it sjenre skreaun hie. It wie Mulder wol opfallen dat Fan der Fear har der net oer útlitten hie ‘yn hoefier keunstners ûnbewust gebrûk meitsje fan wat se yn har libben lêzen, sjoen, heard hawwe fan oare keunstners’. Doe't de Leeuwarder Courant oer de saak skreaun hie, reagearre Steven de Jong mei in stik, dat lykwols net opnommen waard. In skoft letter stie it (mei in neiskrift) yn it blêd Fryx. De Jong hie de beide boeken net lêzen, mar wist wol dat it om ‘bakfiskeromans’ en ‘kastielromans’ gie en fergelike se mei de tv-searjes Peyton Place en Dallas. Foar him wie dúdlik dat sokke boeken net orizjineel wêze kinne,

Trotwaer. Jaargang 32 438 om't ‘boekefabriken’ no ienkear dwaande binne mei ‘reeksen’. Mei de publikaasje fan Krol syn stik hie Trotwaer neffens him (wer ris) sjen litten dat it in ‘literatuerfijannich tydskrift’ wie. In bewiis dêrfoar seach er ek yn it beneamen fan Jelle Krol ta redakteur fan dit blêd. Yn in reaksje (‘Steven kin soks sa wol even’) besaude redakteur Geart van der Mear him der oer, dat De Jong in miening hie oer de saak sûnder dat er de boeken lêzen hie. Van der Mear hie de beide boeken wol lêzen hie en joech Jelle Krol gelyk. Nei't er de boeken lêzen hie, kaam Steven de Jong ein 1983 yn Trotwaer mei in reaksje: ‘Ypk fan der Fear en de luzen of It fertriet fan Fryslân’. Opfallend is de wize dêr't hy Jelle Krol op oanpakt. Hie er him earder omskreaun as ‘dit baaske dat amper út de ruften is en literêr noch yn 'e ruften leit’, no waard it ‘in streberich baaske, sûnder literêre erudysje, dat namme meitsje wol op kosten fan in oar’ en ek noch ‘hûnsbretaal’. In oar opfallend punt is dat De Jong de parallellen tusken The Unicorn en De del is jong ‘net ûntkenne’ wol; hy neamt de oerienkomsten sels ‘opfallend’. Lykwols fynt er de ferskillen noch grutter, benammen de ‘motivaasjes fan beide plots binne folslein oars’. De Jong achtet it mooglik dat Fan der Fear ‘ûnbewust “plagiaat”’ fan bysaken bedreaun hat. Dat Krol De dei is jong in min boek fûn, die neffens him net ta de saak. Hy koe him dat oars wol begripe. It wie ommers yn it Frysk skreaun en net - lykas The Unicorn - yn it Ingelsk: ‘It Ingelsk is ommers de hillige taal fan disse tiid. Dêr kin noait wat ferkeards yn skreaun wêze.’ Doe't hy it stik fan Krol lies, fielde er fuort oan: ‘dit is net literêr, dit is polityk-kommersjeel, dit spul hat luzen’. Hy frege him ôf wa't it folgjende slachtoffer wêze soe: ‘It mechanisme dat ús hjir yn 'e kloeren hat, is tipysk fan disse tiid en hat te meitsjen mei kommersje, reklame en machtspolityk. Skriuwers mei literêre arguminten ferdwine nei de marzje, meie yn in hoekje noch wat “kultsje” boartsje en ferdwinen mei koarten hielendal yn it neat, krekt omt se wurk fan literêre wearde skriuwe.’ Net lang nei it ferskinen fan dit artikel ferstoar Ypk fan der Fear, yn 'e âldens fan 75 jier.

Doe bleau it in grut tal jierren stil, oant Hanneke Hoekstra yn 1998 promovearre op The Orthodoxy of the Heart. Faith, Fryslân and Feminism in the Novels of Ypk fan der Fear (Steven de Jong hie gelyk krigen, boeken, sels oer Fryske ûnderwerpen, wurde tsjintwurdich yn it Ingelsk skreaun). Dêryn joech se in byld fan de ûntwikkeling fan Fan der Fear as Frysk skriuwster, dy't yn ‘stolen hours [...] committed’ wie ‘to the struggle of women to gain a voice within the community’. Sy behannele ek De dei is jong en konkludearre dat dy roman sterk beynfloede wie troch Murdoch, mar dat men dy ‘influence’ sjen moat yn it ljocht fan in útspraak fan Virginia Woolf: ‘books continue each other’. It boek soe in foarbyld wêze fan ‘intertextuality’. Hoekstra moast tajaan dat de ‘similarities’ tusken de beide boeken ‘striking’ wienen. Dêrmei joech sy - al sei sy dat net - Jelle Krol dus gelyk. Ek Hanneke Hoekstra mient dat de ynfloed fan Murdoch op dit boek gjin goede útwurking hân hat. De dei is jong lit neffens har sjen dat Fan der Fear har wurk ‘its limit’ berikt hie. Yn har ‘Conclusion and Final Remarks’ is sy noch dúdliker: ‘Murdoch's philosophical preoccupation with the notion of female suffering as a way to redemption must have spoken to Ypk fan der Fear's lifetime religious conflict [...].

Trotwaer. Jaargang 32 However, in this instance, we also can see how Murdoch's literary vision is too complex to allow Ypk fan der Fear her own voice.’

Trotwaer. Jaargang 32 439

Hoekstra kin it net litte Jelle Krol dochs noch in feech út de panne te jaan. Yn in noat seit sy: ‘Krol was awarded with an editorship with the magazine Trotwaer for his penetrating analysis.’ Ek set sy it wurd study tusken skrapkes as it om syn artikel giet. In jier nei Hanneke Hoekstra's promoasje kaam Josse de Haan mei syn finale oardiel, yn haadstik 109 fan Piksjitten op Snyp:

Dan sjocht er ynienen, dat ien fan dy resinsinten deselde is dy't wat jierren lyn ien fan de bêste skriuwsters fan plagiaat beskuldige, en dy't dêrtroch ek noch earder as wenst wie it ivige foar it skriuwsterskip ynwiksele. Letter die bliken, dat it bêst wat subtiler lei. [...] Fatsoensnoarmen, dy't tastiene dat in op stjerren lizzende skriuwster falsk beskuldige waard en dêrtroch wat earder oer de râne fan de kûle rekke.

Spitigernôch seit De Haan der net by, hoe't er oan dy medyske gegevens komt. Ypk fan der Fear hat oars sels sein dat har prinsipe by minne besprekken altyd west hie: ‘Lit gewurde en gean mar gau wer fierder mei oar wurk.’

It lêste wurd yn dizze affêre waard foarearst dochs noch troch Hanneke Hoekstra sprutsen. De redaksje fan Fryslân, Nieuwsblad voor Geschiedenis en Cultuur, it blêd fan it Fries Genootschap, hie Ypk fan der Fear útkeazen mei tweintich oare Friezen ‘die elk onder wisselende omstandigheden, maar op een eigen wijze gestalte gaven en geven aan hun leven’ om sadwaande in byld te jaan fan de tweintichste ieu. Yn har bydrage nimt Hanneke Hoekstra ynienen in hiel oar stânpunt yn oer de affêre as yn har dissertaasje. Der is no gjin sprake mear fan yntertekstualiteit of de grinzen fan it oeuvre. Nee: ‘De suggestie van plagiaat was [...] onterecht. Beide boeken zijn kasteelromans.

Omslachûntwerp Ies Spreekmeester

Trotwaer. Jaargang 32 Alle romans die tot dit van oorsprong Engelse genre behoren lijken sterk op elkaar. Die verwijzing naar eerdere romans is juist kenmerkend.’ De oantsjutting ‘kasteelromans’ is yn dit stik noch it meast wûnderlik. Hoekstra wit ommers hiel goed dat de gothic novel hiel wat oars is as in kastielroman, dat in pulpsjenre is.

Trotwaer. Jaargang 32 440

Yn har artikel ferwiist Hoekstra nei har dissertaasje, dy't neffens har foar in Ypk fan der Fear-revival soarge hat. Har boeken soenen no, troch de ‘toenemende belangstelling voor lokaliteit (het “Jorwerd”-gevoel), gemeenschap en religie’, ynienen wer aktueel wêze. Mei har opfallende regressive stânpunt soarget Hanneke Hoekstra foar betizing. It dossier kin dus dochs noch net sletten wurde. Earst in pear konklúzjes. De parallellen tusken Ypk fan der Fear har boek en dat fan Iris Murdoch bliuwe tige opfallend. Dêr is elkenien it oer iens. 1-0 foar Jelle Krol. Neffens Krol (dy't it wurd plagiaat yn syn artikel net ien kear brûkt hat), stie The Unicorn Ypk fan der Fear tefolle yn 'e wei om in oarspronklik boek skriuwe te kinnen. Ek dat is Hanneke Hoekstra mei him iens. Oer hoe't de parallellen beoardiele wurde moatte bestiet ferskil fan miening. Steven de Jong en Tiny Mulder sykje de ferklearring yn it sjenre dêr't beide boeken ta hearre, al lykje beide besprekkers net bot yn dit sjenre thús te wêzen. Hoekstra sjocht de oerienkomsten as in foarbyld fan froulike skriuwsters dy't inoars wurk brûke. Dat Hoekstra hjir Virginia Woolf as tsjûge brûkt, is lykwols diskutabel. Suver gjinien skriuwster hat sa har bêst dien om nei in eigen styl en ‘stim’ te sykjen as Woolf. Yn har lêste publikaasje liket Hoekstra op har eardere miening werom te kommen en beide boeken te sjen as ‘kasteelromans’ en dy lykje no ienkear in soad op inoar. Wannear soe it dossier no sletten wurde kinne? Nei myn betinken hoecht der noch mar ien ding útsocht te wurden en mooglik kin Hoekstra (of in oare akademika) har dêr nochris ta sette. It giet hjirom. As boeken út dit sjenre wier sa'n soad op inoar lykje, dan soe ek Murdoch har boek sterk op eardere boeken lykje moatte. De rook fan plagiaat dy't noch altyd om it boek fan Fan der Fear hingjen bleaun is, soe ferdwine as in âlder boek fûn waard dat like sterk op The Unicorn liket as De dei is jong.

To be continued...?

Dossier

Krol, Jelle: ‘“Hwer hast it wei?”’, Trotwaer XIV (1982), 285-297. Fear, Ypk fan der: ‘Wêr haw ik it wei?’, Trotwaer XIV (1982), 298-302. M[ulder], T[iny]: ‘Ypk en Iris’, Friesch Dagblad, 4 desimber 1982. Jong, Steven de: ‘Literair fandalisme’, Fryx IV (1983), 3-5. Meer, Geart van der: ‘Steven kin soks sa wol even’, Trotwaer XV (1983), 119. Jong, Steven de: ‘Ypk fan der Fear en de luzen of It fertriet fan Fryslân’, Trotwaer XV (1983), 319-329. Hoekstra, Hanneke: The Orthodoxy of the Heart. Grins/Groningen, 1998 (Estrikken 74). Haan, Josse de: Piksjitten op Snyp. Boalsert, 1999. Hoekstra, Hanneke: ‘Ypk fan der Fear (1908-1983). Uit de marge, in de marge.’ Fryslân VI-2 (2000), 44-46.

Trotwaer. Jaargang 32 441

Underweis nei Thabor Sybren Sybrandy

Willem Tjerkstra, Ridder fan Snits. I Rom. Kristlik Fryske Folksbibleteek, Aldehaske 1999. 215 siden. f 24,90.

De ûndertitel fan dit earste diel fan wat in trilogy wurde moat is: Histoaryske roman oer Rienck Bockema. Dizze Rienck is in histoaryske figuer, dy't libbe fan 1350 oant 1436, sa wurde wy yn de Encyclopedie van Friesland gewaar. Fan syn útsûnderlik lange libben brocht er de lêste seisentweintich jier troch yn it troch him sels stifte kleaster Thabor. Foar dy tiid belibbe er lykwols hiel wat! Rienck syn libben fan syn fjirtjinde oant syn twaentweintichste jier wurde yn dit earste diel beskreaun, yn fjouwer parten, rinnend fan 1364 oant en mei 1372. Hy ûntflechtet it benearjende âldershûs en de kleasterskoalle en slút him op syn fyftjinde oan by in rôversbinde yn Fryslân, makket him der ek wer los fan, trout letter en giet al gau nei syn houlik op in krústocht dy't him nei Londen en letter nei Rhodos bringt. Op 't lêst wurdt er, werom op Windsor Castle, troch de Ingelske kening ta ridder slein, as beleanning foar syn moed yn de striid. Sa binne wy dan by de titel fan dit easte diel: Rom. Genôch stof foar aventoerlike ferhalen, en dy wit de skriuwer mei faasje en meinimmend te fertellen. De ferskillende lokaasjes wit er oertsjûgjend op te roppen, hjir en dêr mei fernimstige details. Sa is my út haadstik 7 (‘De proef’) de Wilhelm Tell-eftige proef bybleaun dy't hy ôflizze moat om ta de binde talitten te wurden: hy moat in deade ein fan de rech fan syn skoandere hynder sjitte. Oan alles is te fernimmen dat de skriuwer him goed dokumintearre hat en dat moat in bloedigen wurk west ha. Twa dingen binne him opfallen by syn stúdzje fan de midsieuwen, sa seit er yn it KFFB-blêd De Fleanende Krie fan febrewaarje 2000: ‘Oan de iene kant foel de felheid fan it libben fan de midsieuwers my op en oan de oare kant harren eangst foar de dea’. ‘Felheid des levens’ is ek de titel fan it earste haadstik fan Johan Huizinga syn Herfsttij der middeleeuwen. As it om de eangst foar de dea giet, soe ik leaver sizze dat dea en libben sa ticht by elkoar leinen, mei oarloch rûnom, sykten, en iepenbiere piniging en terjochtstellingen. Mar it lit in karakteristyk fan de midsieuwen hjir fierder no mar efkes gewurde.

Dit boek is gjin jongesboek, mar in roman. De haadpersoan is fyftjin, as er him by de binde oanslút, echt in bernesoldaat, lykas se op 't heden yn Afrika te finen binne. Lykas eltse teener is er fiksearre op seks. Al fuort oan it begjin, as er lulk fan skoalle en hûs fuortrûn is, oerweldiget er in famke. Letter by de binde giet it fansels ek frijwat rûch. It giet der om, him der yn te stekken. ‘Krekt as mei in dolk, yn ien kear yn de bealch en dan trochdrukke oan it hiele limmet deryn sit.’ (s. 81) Rienck docht goed mei: ‘Alle kearen wer wie it in striid om te krijen wat er ha woe, de wielderige bút, it folslein útlibjen fan syn driften,....’ (s. 84) Mar dochs is Rienck net sa'n minnen ien, fynt er: ‘Marije, seinige ûnder de jonge frouwen, sy ha ûnder my lein, en ik ha tastutsen,’ gnyske er yn himsels, ‘ik jou it earlik ta, mar ik ha gjinien deastutsen.’ (s. 91) Mei Marije krijt er in spesjale bân; by har

Trotwaer. Jaargang 32 442 fynt er wat er earst by syn mem en letter by syn frou net fine kin. ‘Hillige Marije,’ flústere er, ‘hoe komt it dat oare froulju my net jaan kinne wat de mem fan Kristus wol jout?’ (s. 130) In pear kear siket Rienck dan ek it kontakt, as yn in soarte fan retraite, mei Marije. By in retraite lûke jo je werom út it libben, en dat is ek myn probleem mei Rienck syn retraites; hja steane foar myn gefoel fier fan syn gewoane libben, foarmje der gjin organysk gehiel mei. Der sit wol in beskate opbou en logika yn, dy't de skriuwer faaks fierder útwurkje kin as it oan it stiftsjen fan it kleaster Thabor takomt, mar yn dit earste diel ha ik it gefoel dat dy mominten fan besinning tefolle apart steane. Datselde jildt ek foar de wol hiel tafallige moetingen dy't Rienck hat op wichtige mominten yn syn libben, mei de kluzener fan Noardwâlde (haadstik 7) en benammen mei de stjerrende pylger op Rhodos dy't him it Boek fan de libbenen neilit (haadstik 15). It binne in soarte fan dei ex machina, wylst Rienck fierder gjin goede freon of begripende frou hat, mei wa't er prate kin, en dy't nijsgjirrige petearen opleverje soenen. Ik sei al dat Rienck fiksearre is op seks; gjin wurd oer ‘letter by heit yn de saak’, al komt de problematyk fan it liederskip wol hiel efkes om 'e hoeke. Wy hawwe dus noch hiel wat te goede yn de folgjende beide dielen.

Oebele Naneur

De macht fan de literatuer

Ik wist fan twa gefallen dêr't út bliken die dat somtiden literatuer in geweldigen macht hat. It earste wie ditte - my ferteld troch in learling Frysk-twaddegraads út Snits -: Wadman, dat doe noch in jong fintsje wie, droech syn gedichten foar yn hotel Hanenburg te Snits. Doe't er mei it fers ‘Petear mei de moanne, doe't er him spegele yn 'e Jansleat’ dwaande wie, saaide de grutte rûne lampe, dy't op in folle moanne like, fan boppen del op 'e tafel en spatte oan gruzeleminten. It twadde wie sa: Ek al wer heel wat jierren lyn kaam Pytjon Sikkema thús út Ljouwert. Hy rûn oer de Turfkaai en seach dat Nico Douma it boppehûs fan Age van der Werf yn 'e ferve sette. Pytjon balte lûd: ‘Van der Werf komt in de verf!’ Fuortdernei is Douma fan de steger dondere. Pytjon wie tige fergulde: Ik ha Nico Douma fan 'e steger dichte! Dêr is no in tred gefal by kommen. Neffens Josse de Haan hat Jelle Krol Ypk fan der Fear it grêf yn skreaun. Dat seit Josse en wy moatte dat leauwe, want wa't twivelt oan it Wurd fan Josse sil de Literêre Sillichheid net beërvje, mar wurdt delstaat yn 'e Djipste Tsjusternis dêr't geskriem is en knarsing fan tosken. Wat ik no net begryp: Josse is lilk op Jelle. Hin-watte? Dy man fertsjinnet in priis! Fan al myn boeken is noch noait iens ien ferkalden wurden, en dan ien deaskriuwe! Razend knap! Tr. Riemersma

Trotwaer. Jaargang 32 443

In memoriam Jopie Huisman (1922-2000) Rudy Hodel

It wie oktober 1982, doe't ik foar de Ljouwerter Krante nei in tentoanstelling fan Jopie Huisman yn De Kapel yn Boalsert moast. Om't de tentoanstelling frij koart duorre en ik meastentiids yn 't wykein op paad wie, like it my gaadlik om nei de iepening ta te gean. It waard in iepening, dy't ik nea ferjitte sil. It wie fol, smoarfol yn 'e smelle romten fan De Kapel. It wie in toer om it wurk te sjen sûnder hollen, rêgen en earmtakken fan oaren. Al syn masterwurken, fan it selsportret mei in sjekje oant en mei it lysternêst, hongen der deun op elkoar. It aparte wie dat it wurk fan Jopie Huisman dy drokte en dy kliber minsken wol ferneare koe. It hong der as in bûnte samling ikoanen: stil, ferheven en dochs tige nei. Ek bysûnder wie de rol fan de keunstner. It like wol oft al dy minsken famylje fan him wiene. Jopie Huisman, mei in sjekje tusken de fingers, like tiid te hawwen foar elkenien. En om't ik dêr mei pinne en papier omrûn, wie ik ek rillegau ien fan de lokkigen. Ik woe him wat freegje, mar foar't ik der erch yn hie begûn Jopie oer my. Fansels hied er myn stikjes lêzen en dy wienen neffens him bêst. Ja, hy hie wol betrouwen yn my. Ik koe wol aardich sjen, ensafuorthinne. Ik krige gewoanwei de kâns net om wat te freegjen. Ik waard ynpakt, wêr't ik sels by wie. Al dat publyk wie net allinnich foar it wurk of de persoan fan Jopie Huisman kommen mar ek foar it iepeningswurd fan Freek de Jonge, de wrâldferneamde kabaretier. Om't ûndúdlik wie of net hielendal wis oft de hege gast wol komme soe, hong der de atmosfear fan in poppekastfoarstelling. Soe it wûnder barre of net? En it wûnder kaam: Freek de Jonge joech in folsleine try-out fan De Tragiek of sokssawat en it publyk wie djip, djip ûnder de yndruk. Ja, Jopie wie in mirakelman, in hillige, en Freek wie syn profeet. Sûnt dy happening yn Boalsert haw ik respekt foar Jopie Huisman hân, mar ik haw syn wurk nea wer sjoen. Om ien of oare reden haw ik nea it ferlet hân om it nochris te sjen, ek net doe't yn 1992 it nije Jopie Huisman Museum yn Warkum iepene waard. Sûnt dy earste kear wie it wurk sûnder ferrassing wurden en ien foarstelling like my wol genôch. Ik hie gjin ferlet mear fan it sirkus om Jopie hinne en ik krige ek myn nocht fan al dy ferhalen. Altyd datselde ferhaal fan in skilder dy't sei dat er de dingen dy't er skildere fan de ûndergong rêde woe. Al dat geëamel oer snoeken, ielen, modder, earmoed, rêding en ferlossing. Ferhalen dy't ivich en altyd ferteld waarden mei op de eftergrûn dyselde fersliten ûnderbroek fan meuke Albertsje, datselde reade baaien himd, dyselde skuon en dyselde mûtsen. It wie allegear âld nijs. Mar hoe komt it, no't Jopie Huisman der net mear is? Hoe moat syn wurk fierder, sûnder syn persoan, sûnder syn stim en sûnder syn show? Foar dizze gelegenheid ha ik koart nei syn dea nei it museum yn Warkum west mei in pen en in stikje papier. Alle boeken en knipsels haw ik links lizze litten en ik haw lykas achttjin jier lyn besocht tusken de rêgen en oer de hollen hinne it wurk op 'e nij te sjen. En ik tink dat it wol goed komt mei ús Jopie. Ik ha der wol betrouwen yn dat it der yn Warkum noch lang drok bliuwt. De measte keunsthistoarisy út it offisjele

Trotwaer. Jaargang 32 444 sirkwy fine syn wurk in mislediging fan de keunst en sy sille dan ek nea tajaan dat Jopie Huisman in hiel knappe skilder wie. It bliuwt in wûnder om te sjen hoe't hy in ienfâldige arseartechnyk, ôfkomstich fan it tegelskilderjen, tapast op it fynskilderjen en sa ta syn ‘realistyske’ styl komt. Huisman tekent eins mear as dat er skildert. Streekje foar streekje en laachje oer laachje is de ferve opbrocht, sûnder dat in kwaststreek sichtber wurdt. As er mei in brede kwast skildert, giet it hielendal mis, lykas de mislearre Ensor-eftige eksperimenten út de jierren sechstich bewize. Hiel knap is ek de wize wêrop't Huisman yn 'e jierren santich - syn gouden tiid - syn komposysjes opset. Hy hie in goed each foar lykwicht, foar trijehoeken, sirkels en foar de ferhâlding tusken foar- en eftergrûn. Huisman moat in hekel oan perspektyf hân ha, of hy hat it bewust weilitten. Yn elts gefal, it measte wurk út dy jierren is sûnder djipte, sûnder skaden en ek sûnder direkt oanwiisbere ljochtboarnen. De tekeningen en skilderijen binne direkt en frontaal. It binne hast ikoanen. De taskôger is, lykas yn alle religieuze keunst, hast ien mei de foarstelling. It sil noch wolris útsocht wurde, mar Jopie Huisman wie yn myn eagen in moderne ikoaneskilder dy't bewust of ûnbewust folslein op 'e hichte wie fan 'e mooglikheden fan dy ieuwenâlde

Eerste en de laatste schoenen (1974) tradysje. Oars kin ik syn wurk net ferklearje. Omdat Jopie Huisman de skilder fan en foar it folk wie, wol ik dit Yn Memoriam eindigje mei in opmerking út it gasteboek, optekene troch Lies en Guus út in doarp by Venlo wei:

De collectie was schitterend, niet te geloven. Wat een bijzondere man die Jopie Huisman. Zoon man gaat beslist te vroeg van ons heen. Rust zacht Joop.

Trotwaer. Jaargang 32 445

In oangename balâns tusken tekst en muzyk Cor Hofstra

Rients Gratama en Peter Sijbenga, Te land, ter zee en yn Tersoal. Premiêre 5 oktober 2000, De Harmonie, Ljouwert.

Freegje yn 'e supermerk mar net om in mingel sûpe, de kâns is grut dat de logistyk meiwurker jo ferstuivere oangappet en dan seit dat de sliter om 'e hoeke sit. It geve Frysk rekket elts jier mear yn 'e ferdrukking en sels ûntkomt men der ek net oan. It is better om yn Elburg te wenjen as yn Akkrum; om utens ferleare jo de âlde wurden net sa gau, jo witte ommers net dat der lienwurden foar yn it plak kaam binne. Rients Gratama wennet tsjintwurdich yn Akkrum, lokkigerwize noch net sa lang. Foar himsels is it fansels wol maklik, want hy wurdt in dei âlder en foar syn kabaretshows hoegde er mar ien kant út, nei it noarden. Yn myn eagen hat Rients ek altyd in Fryske kabaretier west, al moast er it om syn brea ek yn Hollân besykje. Je kinne fernimme dat er yn it Frysk folslein thús is. Ek wer yn syn nije programma Te land, ter zee en yn Tersoal. Hy breidet alle tradisjonele Fryske wurden oan inoar ta in werkenber gehiel. De âlde muoikes, de mingels en sels de sipels fleane je om 'e earen. It Frysk is geef, fertroud en blomryk, Rients hat der alheel gjin muoite mei. Yn dizze taal en dit fermidden is er thús. Foar't it programma begjint binne de gerdinen noch iepen en dan witte je al dat je net yn de ferkearde seal sitte. Der stiet in piano, in krukje, en in grouwe mikrofoan op in stander, it wurdt ûngefear wat je der fan ferwachtsje. Tsjin it eftergerdyn hinget in Tangram: sân wiskundige figueren dêr't men allerhande útbyldingen mei meitsje kin. Foar it skoft is der in fûgel fan makke. It giet ommers oer Fryslân. De ekolooch dy't sa'n moai libben hat yn 'e natuer mar dy't der sa swier oan tilt en hieltyd seurt oer de gefaren dy't ús bedriigje sparret er lykwols net. Likemin as de boatsjeminsken - hoe kin it ek oars fan immen út Akkrum dêr't de brêge altiten iepen stiet. Rients is net botte skerp, nearne bitend. Dat relativearret er sels troch te bewearen dat it. Fryske kabaret net bestiet. At er al in foarstelling jout dan is de organisaasje fan 'e lotterij wichtiger as Rients syn ferhaal. De besikers sitte ek net te wachtsjend op allerhande eksperiminten. Dy wolle wat lyntsjes fan eartiids, nei hjoed en dy lyntsjes knoopt er wer feardich oan inoar. Nije dingen wurde mei de noadige ôfstân besjoen troch de man dy't se maklik yn breder ferbân pleatse kin, om't er sa goed waarnimme kin. Je kinne ek wol begripe hoe't ien dy't syn sneintemiddeis op it tsjerkestekje yn Penjum trochbrocht oansjocht tsjin in ‘Hangplaats voor de jeugd’. Mar at er dat ûnder wurden bringt is Rients fansels in stamboek-kabaretier. It stikje dêr't er skynber ûnferienichbere saken byinoar bringe wol, ekologyske sipels mei kerozine besproeie wol of de seehûntsjes ynsette wol foar de gaswinning, is echt kabaret. En sa sitte der tal fan fraaie lyntsjes yn en al binne der ek grapkes dy't er om mij wol út meie - dat tulpen mei Viagra moai rjocht bliuwe witte we no wol -, it measte wie klearebare kabaret. De man syn hiele útstrieling is kabaret. De balâns tusken tekst en muzyk (fan Peter Sijbenga) is oangenaam. De lietsjes binne

Trotwaer. Jaargang 32 446 prachtich en hawwe in hiele eigen styl, relativearre mei eigentiidske arranzjeminten fan heech nivo. Rients en Peter Sijbenga geane der tsjinoan as binne se tweintich. Oan it stimberik en it timbre kinne jo net hearre dat Rients al AOW hat. Je kinne dat wol útrekkenje. Peter Sijbenga hoecht him ek net te ferfelen efter de piano, want hy mei sa no en dan wat oanjaan en dat docht er mei oertsjûging. Om mij hiene se dat noch wol wat útbouwe kinnen, want Sijbenga kin aardich droech en stiif út 'e hoeke komme en foarmet sadwaande in moai kontrast mei de noch ridlik loftige entertainer. Nei it skoft wie de Tangram omfoarme ta in tsjerke, nei de fûgel Fryslâns twadde ferneamde werkenningspunt. Ik wit net of dit it tsjerkje fan Tersoal wie, it plak dat allinne yn it slotliet besongen wurdt. Fierders hat Rients it net oer it hiele Tersoal, it hie likegoed, of better Penjum wêze kinnen, allinne dat alliterearet net sa bêst (en dêr hat er earder alris in programma oer makke). Rients is fansels wol in bytsje skatplichtich oan Simmer 2000, doe't er yn de Simmertime-tinte de kâns krige op in magistrale foarset foar dit programma. Der wiene dan ek it ferske oer de bugel fan Looft den Heer en in koart stikje oer Friezen as omkearde asylsikers: se wolle krekt werom nei it heitelân. Guon pommeranten fan Simmer 2000 sieten yn 'e seal en nei ôfrin krige Rients fan Henk Kroes de twadde CD fan Simmertime. Dat wie no wol tafallich, net, dat dy CD krekt de deis fan de premiêre útkaam... De mannen fan De Kast, dy oare ambassadeurs fan Fryslân, hiene spesjaal foar Rients Gratama in LP meitsje litten mei dêrop alle nûmers fan 'e CD, want Rients fynt in CD eins wat te modern. En sa'n âlde grizige man mei sa'n grouwe LP-hoes en dêr boppe-op it skrale CD-bakje is ek in passend byld. It wie in unike persing, dêr't mar ien eksimplaar fan makke is. Sa waard ûnbedoeld ien fan de wichtichste tema's yn byld brocht: Goai it âlde net fuort ear't it nije jo foldocht, mar kear je net ôf fan it nije. Neffens de oankundiging gong it hjir om in premiêre. Dat koenen je ek wol wat sjen oan de ferneamde Friezen yn 'e seal. Fierders wie it oan neat te fernimmen. Dat moat sa net. Sa'n premiêre is in feest - net allinne foar de kabaretier, ek foar de Fryske kultuer. Dat moat de Harmonie wat mear oanklaaie.

Trotwaer. Jaargang 32 447

Diever en Jorwert De twadieling trochbrutsen? Piter Terpstra

De nije regisseur fan it iepenlofttoaniel yn Diever, Jack Nieborg, hat in wat heger status yn de holle foar de ploech dy't mei de jierlikse opfieringen fan stikken fan Shakespeare ferneamd wurden is. Hy is net lokkich mei de twadieling dy't der altyd west hat: berops- en amateurtoaniel. Op in byienkomst dy't fan't simmer oan de premiêre fan it noch net earder yn it Dieverske iepenloftteater spile stik Pericles (1608) foarôfgie, sei er dat der yn feite noch in tredde skift bestiet: amateurs dy't wurkje yn in profesjonele setting, trijeris wyks repetearje, fakânsjes fersette en sa in nivo berikke, dat fier útstekt boppe it gewoane leafhawwerijtoaniel. Soms wurdt hast foldien oan de easken dy't it beropstoaniel stelt. Nieborg hat hjirby fansels net allinne it each op Diever. Oer Jorwert hat er him net útlitten, mar wy meie oannimme dat it iepenlofttoaniel dat dér brocht wurdt, ek wol by sa'n tuskengroep hearre koe. Soene de toanielselskippen dy't der foar yn 'e beneaming komme, ek mear finansjele earmslach krije moatte? Yn Diever haw ik fan in kommersjele achtergrûn nea wat fernommen. Jorwert wurdt sponsere; yn it programmaboekje stiet in royale advertinsje fan de Rabobank en der binne in lytse fjirtich stipers. Neat op tsjin; de technyske foarsjenningen dy't - benammen yn Jorwert - hieltyd spektakulêrder wurde, binne kostber. Dochs leau ik net dat Nieborg syn opmerking oer de erkenning as ‘amateurs yn in profesjonele setting’ as in hint yn de rjochting fan jildsjitters sjoen wurde moat. Earder wol er der op wize dat de easken dy't syn ‘middenklasse’ stelt útdaagjend binne foar elkenien dy't oan de produksje meiwurket. De tiid dat de rezjy yn Diever der fan útgie dat elkenien toanielspylje kin, is foarby. Nieborg liket my net in regisseur dy't der nei stribbet, dat it publyk him alle jierren wer de eagen út de holle sjen sil oer de nije, ferrassende effekten dy't no wer berikt binne. Hy soarget mei Pericles wier net, sa't de Volkskrant skriuwt, foar in ‘ware cultuuromslag’. Syn foargongster Wil ter Horst hat it der wolris dúdlik op talein om it ek in kear oars as oars te dwaan, mar se hie sels wol troch dat it folgjen fan in tradysje gjin skande is. En dy tradysje is yn Diever in op faak raffinearre wize gebruk meitsjen fan it natuerlike boskdekor, dat alle mooglikheden jout foar in moaie kleurrike ljochtfal en foar in achtergrûn foar de sênes yn kostúms dy't men bysûnder keunstich makket. Ek fan't jier trof jin de sfear dy't oproppen wurdt yn it stik, dat by de Middellânske see spilet. It is fol libbene hannelingen: in skip dat yn needwaar fergiet, Pericles dy't op de kust fan Pentapolis oanspielt, syn leafde foar de keningsdochter en de fierdere boeiende en ferrassende ûntjouwing. De akteurs binne op it romme toaniel bysûnder beweechlik en de opfiering ferrint flot. Mei de gewoante om de regisseur ear't de opfiering begjint wat oer it stik fertelle te litten, is brutsen. Oer de ynhâld stiet allinne wat yn it programmaboekje. Jack Nieborg is fan betinken dat it fierder foar himsels sprekke moat. Ek

Trotwaer. Jaargang 32 448 dêrmei wurdt wer wat distânsje fan it amateurisme nommen.

En hoe bringt Jorwert it der ôf as it hifke wurdt as amateurselskip mei it tsjin it beropsnivo oanlizzende peil dêr't Nieborg op doelde? De iepenloftploech hat fan't jier de kar falle litten op Venetiaans Karnaval fan Goldoni, wittend dat men mei in blijspul fan de Italiaanske master, as it goed spile wurdt, by in grut publyk altyd wol sukses hat. Wat der by in fantasijrike rezjy út te heljen falt haw ik jierren ferlyn it bêst sjoen doe't Tryater De feint fan twa masters spile. De regisseur kaam mei prachtige fynsten en Klaasje Postma makke fan ‘de feint’ in foar my ûnferjitlike figuer. Yn Jorwert wurdt Venetiaans Karnaval spile yn in dekor dat noch fantastysker is as destiids dat fan Tryater. Dat wol net sizze dat dit ek ta in grutter resultaat liedt; it peil fan in opfiering hinget op it lêst yn it foarste plak fan it spyljen ôf. In liftsjend poadium, in heech oprizend dekor mei etaazjes, autootsjes dy't sa hurd oer it toaniel race dat de taskôgers har hert fêsthâlde, en sigeuners dy't in treflik stikje akrobatyk bringe - it binne effekten dy't hast alles wat minder oansprekt oersljochtsje. Dat de tekst net sa flitsend en it ferhaal dêr't dy op driuwt net hielendal sa ferrassend is as yn oare stikken fan Goldoni, moat der dus noch op trochkinne. Mar ik haw it gefoel dat de technyk yn Jorwert in grutter sprong makke hat as de opfiering. Der binne fjouwer hearen dy't om de kreaze, sjarmante en rike widdo Rosaura stykje, in Italjaan, in Ingelsman, in Spanjoal en in Frânsman. It is op himsels in aardich tema en de ferminging fan de fjouwer talen mei it Frysk hat de oersetter Jan Schotanus brûkt foar komyske taalgrapkes. Mar de ûntjouwing fan it ferhaal is te wiidweidich, miskien ek al wer omdat de op effekt berekkene omballingen te folle tiid freegje. Net alle byrollen kinne de kwaliteiten fan de haadrolspilers bysloffe, dat sadwaande hat it gehiel dêr wat ûnder te lijen. Ik soe graach wolle dat Jorwert wer ris in wat oare útdaging oangie as dy fan in hast alle kearen bylkjender en ferrassender skouspul. Ik tink dêrby werom oan Anatevka, dat yn 1995 spile waard en dêr't rezjy en spilers in hichtepunt yn berikten. Se kamen dêrmei wat tichter by berops- as by amateurtoaniel.

Trotwaer. Jaargang 32 449

Altyd wat! Tr. Riemersma

De eangst foar it epigoanisme

Us hûn is dea en ús húshâlding hat in dei of wat raar fan 'e wize west. Hy wie myn lytse broer, sei ús dochter, en sa wie it ek. De bern binne mei dy hûn opwoeksen. It beest hat ús al syn libben freonlikheid en oanhinklikens betoand. Al dagen spilet my troch de kop (en ik sitearje ek út 'e kop):

Egidius, waar bestu bleven, mi langt na di, geselle mijn, du coors die dood, du lietst mij 't leven. 't Sceen t' één moeste gestorven sijn, nu bestu in die dood verheven, clare als der sonnen scijn, alle vreugd es di gegeven, Egidius, waar bestu bleven...

Myn fertriet fynt wurden, en dat is goed, mar wêrom moat ik sa'n almachtich ein werom yn 'e literatuerhistoarje? Is der tichterby neat? No, net yn alle gevallen by Vondel: Konstantijntje, salichkijntje,/ cherubijntje van omhoog,/ die d' ijdelheden hier beneden/ uitlacht met een lodderoog. In maat fan my yn Frjentsjer song dat fers wol op 'e wize fan: Und der Haifisch, der hat Zähne/ und die trägt er ins Gesicht./ Und McHeath der hat ein Messer/ und das Messer sieht man nicht. Moat jim ek marris perbearje, dêr knapt dit fers fan 'e ‘prins onzer dichters’ in heel ein fan op. Salverda hat in earlik gedicht skreaun by de dea fan syn berntsjes Willem en Piter, mar it is ferhaal, it is gjin elemintêr fertriet. Datselde jildt fan Tamminga syn In memoriam. Ferhaal, stilearring, literatuer, mar gjin gjalp, gjin taastber fertriet. Dat hat my oan it tinken set oer it nivo fan ús hjoeddeiske literatuer - en dêrmei kin ik dan ek ôfskied nimme fan ús hûn -: As ik mei myn oardelen gelyk ha, en as dat oardeel algemener te meitsjen is, as mei oare wurden yn in tal gefallen ús literatuer it nivo fan hûndert of twahûndert jier lyn net helje kin, wat hâldt dat foar ús yn? It fielen epigoanen te wêzen kin in hele literatuer lam lizze. Yn it Dútslân fan nei Goethe hat dat sa in set west, haw ik lêzen. Yn Fryslân ha wy fan sokke gefoelens gjin lêst, ‘wy binne it ljocht ûnder en boppe de sinne’. En dat is goed, men moat beare as is men in goed skriuwer, oars kin men net skriuwe. Ik wol dan ek nimmen mei frustrearjende ideeën opskypje. Mar as ik myn skriuwerspet ris ferwikselje foar dy fan 'e literatuerhistoarikus: binne myn bêste ferhalen like goed as de bêsten fan Feitsma, Brolsma, Kiestra, Pollema? Brolsma sil oer twahûndert jier noch lêzen wurde, mar Wadman ek, myn boeken ek? De Rimen en Teltsjes is in springlibben boek en it kin noch ieuwen mei. Ik haw wolris besocht om Joast Halbertsma syn styl te imitearjen, mar homar, dêr kin ik net tsjinoan pisje. Ja, soks wurket ferlamjend en dus set ik gau myn âlde petsje wer op en sis: ik bin in grut skriuwer. Om no in bytsje fleurich te einigjen en dochs by de dea te bliuwen, seis jier lyn wie ik wrantelich om't ik dea gean soe en doe haw ik wat parodyen skreaun op elegyen dy't de rouadvertinsjes yn 'e krante opsiere, û.o.:

Rust nu maar uit, je hebt je schijt gescheten,

Trotwaer. Jaargang 32 De pot der lasten heb je tot de rand gevuld. Jouw druk en drang, wie heeft ze uitgemeten, Wie kan doorgronden wat jij hebt geduld!

Set dat skielik mar op myn stien.

Trotwaer. Jaargang 32 450

In subjektive ôfwiking Geert Mak op 'e boekemerk yn Jorwert Marga Claus

Sneon 7 oktober 2000. Mei de boekemerk fan Bredevoort yn 'e achterholle ferwachtsje ik dat wy yn de tolfde-ieuske Romaanske tsjerke fan Jorwert ek op 'e koppen wol rinne kinne, benammen no't Geert Mak in lêzing hâlde sil. It falt lykwols ta. Mar in hantsjefol minsken strúnt by de lange tafels lâns. Der is in grut ferskaat oan twaddehâns boeken: Frysk, Nederlânsk, wrâldliteratuer, berneboeken. Ek in soad rommel trouwens. Dat lêste komt, beweart J. Tersteeg yn Mensen en boeken, om't der yn de leafde foar it boek twa fatale utersten besteane. Oan 'e iene kant de minsken dy't lêze sûnder ek mar ien foarm fan krityk. Sy lêze boeken sa't in oar himsels mei drank of oare middels bedwelmet: it lêzen is foar harren in flecht om oan de werklikheid te untkommen. Benammen dizze lêzers drage der ta by dat boekemerken mei in soad waardeloaze troep oerstreamd wurde. Oan 'e oare kant is dêr de ûnechte lêzer. Hy dy't de werklikheid op in oare manier geweld oandocht mei't er in literêre dandy is dy't de nijste boeken inkeld iepen op 'e salontafel lizzen hat en altyd oan oaren freget oft er de lêste fan dy-en-dy al lêzen hat. De Sterreklame fan Stegeman sette dizze kategory ‘keunstkenners’ in hoart lyn prachtich te kyk en te kak. Dêr tuskenyn sweeft wierskynlik de bibliofyl, dy't lijt oan in subjektive ôfwiking: de sykte fan it boek. Obsedearre troch dat iene eksimplaar dêr't er al sa lang om siket. De klassiker dy't al tsientallen jierren útferkocht is, mar dy't je eins al sels ha moatte. Sa as de skitterjende útjefte fan De geestrijke Don Quichot van de Mancha, de ferneamde boeke-idioat fan Miguel de Cervantes Saavedra. Dêr is in nije oersetting fan ferskynd, mar hjir leit in tredde printinge út 1950, dêrst alle antikwariaten yn Amsterdam om ôfstreupe moatst. Twa dielen yn swart-linnense bân, goud mei read bewurke rêch, titelplaat en finjetten fan Gustave Doré. Yn it ûnferjitlike Jorwert te krijen, leau it of net, foar it pryske fan f 27,50. Wat in mazzel foar my en myn beurs. Wat in mazzel ek dat alle oare boek-o-filen by de Rely-útrikking yn Bears sitte! Myn sneon kin net mear stikken. En Geert Mak moat noch komme.

Net om twa oere, mar om healwei trijen komt er de tsjerke yn kuierjen, want mei it iepenbier ferfier. Tram fan 'e rails, trein te let, en brêgen iepen. En it is noch wier ek, seit er. Neffens Mak is in skriuwer net automatysk in goeie sprekker, mar dat jildt net foar him. Op syn gemak sjocht er op ús del, foar it earst op de preekstoel fan Jorwert. Under him de tafels mei lêsfoer, troch de hiele tsjerke hinne. ‘As je stilstean by it wurk dat allegear fersetten wurde moat om in boek op 'e wrâld te krijen,’ sa begjint er syn lêzing, ‘dan soene je mei neat oars as respekt al dy skriuwprodukten yn 'e hannen nimme moatte. Tink ris oan al dy auteurs, lêskommisjes, korrektoaren, ynbringers fan korreksjes, útjouwers, foarmjouwers, printers, kleuremingers, boekbiners en gean sa mar troch.’

Trotwaer. Jaargang 32 451

‘Skriuwe is wat oars as de skriuwer úthingje,’ seit Geert Mak dan, it ferhaal nei himsels ta heljend. Dy útspraak hat er grif út Het geheim van de schrijver fan Renate Dorrestein, mar miskien tinkt er dat wy soks op it plattelân net ûnder eagen krije. ‘Ast skriuwe wolst, moatst as earste ferjitte datst skriuwer wurde wolst, al hoe ynteressant as de minsken dy dan ynienen ek fine sille. Skriuwe is in iensum barren. It is mear ambacht as ynspiraasje, en dêrmei wurdt it fak in stik minder ûngrypber of grizelich. Skriuwe is gewoan hurd wurkjen. Moarns njoggen oere begjinne mei de earste alinea, in koart skoft om healwei ienen en dan wer troch oant fiif oere. Guon kollega's fan my helje twa siden op in dei, ik sit sels ûngefear op in stik as fiif.’ Neffens Mak is ynspiraasje troch de muze in seldsum ferskynsel. It is benammen it gefolch fan in ‘waanzinnig’ grutte konsintraasje. Mak is in skriuwer fan non-fiksje, mar de wurkwize fan de fiksjeskriuwer is suver identyk oan dy fan him. Hy leit beide faktermen gelokkich net út. ‘As ik mei in boek begjin,’ giet er fierder, ‘ha 'k it allinnich yn grutte halen yn 'e holle. Under it skriuwen wei falle de saken mei-elkoar gear. Troch de jierren ûntwikkelst as skriuwer hieltyd wer oare techniken.’ Ien ding stiet foar him sa fêst as in hûs: ien dy't skriuwt moat in hiel soad (al wer: ‘waanzinnig veel’) lêze, om te learen hoe't oaren de boel oanpakke, om te sjen nei wat ‘wurket’. Ferplichte kost binne de klassiken, dy't ommers net om 'e nocht klassyk wurden binne. Syn earm swaait achteleas nei de Don Quichottafel. ‘By in boek wurdt dus yn it foar neitocht oer it skema, it fierdere ferrin ha je mar foar in part yn 'e hân, want in boek liedt bytiden syn eigen libben. In bekend foarbyld dêrfan is de anekdoate oer Tolstoj dy't de kroech ynkomt, oan 'e bar sitten giet en de kastlein mei ferbjustere eagen oansjocht. “No hat dy Anna Karenina har fergemy tekoart dien,” skynt er sein te hawwen. Dat hie yn 'e fierste fierte syn bedoeling net west.’ In bewearing as soe in boek ‘himsels skriuwe’ giet Mak lykwols te fier. Dat binne bakerpraatsjes. De begjinnersfouten. Hà! Mak bûcht him oer de preekstoel hinne. ‘Dé grutte begjinnersfout is datst net by dyn ûnderwerp bliuwst,’ seit er driigjend. ‘Alles derby helje en alle kanten útwaaierje! Fout. De lêzer kin der kop noch sturt mear oan fine.’ Ik sit lyk foar him oer yn de heechste hearebank, en begjin der suver fan te switten. Ik wit it. My net sa oansjen graach. Ik doch myn bêst. Miskien smyt ik Don Quichot der aanst wol wer út, earlik. En dan folget mei de nedige taljochtingen in opsomming fan de fazen yn it skriuwproses. Faze 1: it IDEE; faze 2: research; faze 3: skriuwe neffens in draaiboek; faze 4: skave, skuorje, knippe, plakke, fylje, einleas werskriuwe en weismite. Ek de útjouwer komt no yn byld. ‘In goeie útjouwer,’ fynt Mak, ‘is dat wat in coach foar in elftal is. Hy begeliedt de skriuwer fan it earste idee oan it momint ta dat it boek yn 'e winkel stiet. Hy hâldt de balâns tusken de haadstikken yn 'e gaten. As de skriuwer der mei oan is, wit de útjouwer wêr't it mis giet, en werom. Hy draacht séls oplossingen oan.’ - Hy seit it echt. Ik bin benijd wa't yn Fryslân sa'n útjouwer fûn hat. ‘De earste fiif haadstikken fan Toen God verdween uit Jorwerd wiene earst ien lang haadstik, in dráák fan in haadstik. Ommers, as ik yn Jorwert troch it rút seach,

Trotwaer. Jaargang 32 rûn der allinnich mar in kat oer de dyk, en fierder barde der gjin iene soademiter yn it hiele doarp. No, dat

Trotwaer. Jaargang 32 452 moast oars fansels.’ Oer coaching praat, ienkear hat Mak syn útjouwer langút oer de flier oantroffen, mei it manuskript fan in tige (‘waanzinnig’) ferneamd skriuwer. Wy rjochtsje de rêgen, mar nee, hy neamt gjin namme. It boek dêr't dy útjouwer doe mei yn 'e slach wie, is no tige bekend, mar hie op in grutte mislearring útdraaid, as de útjouwer him der net op it goeie momint mei bemuoid hie troch alle haadstikken fan it iene op it oare plak te lizzen en de skriuwer op 'e nij oan it wurk te setten. Ik wurd altyd ‘waanzinnig’ fleurich fan ditsoarte eksposees. It biedt sa'n soad soelaas en werkenning, mear as dat ik op it stuit fan oare preekstoelen hear. Sels de Grutten, sels Geert Mak hat ien nedich dy't seit hoe't it better kin. Sels Maistro's-yn-it-fak moatte har húswurk geregeld oerdwaan! ‘In goeie útjouwer,’ giet Mak fierder, ‘sit in skriuwer nea efter de broek. Hy wit, better as de skriuwer sels, wannear't in boek ryp is om te ferskinen. Hy beskermet de skriuwer tsjin it eigen ûngeduld. Faze 5: ‘It boek is ôf. It swit stiet dy op 'e kop by de earste resinsjes, dy't faak bepalend binne foar de gong fan it boek troch de tiid. It is oftst in bern krigen hast. En wat moat soks leare, dy omgong mei it hiele publisiteitssirkus dat dêrnei op gong komt.’ It is dúdlik dat Mak it oer syn eigen moannelange top-tsien sukseserfarings hat, en net oer it literêre sirkus fan Fryslân. Dêr soe er noch gjin plakboek oer folje kinne. ‘It is in hiel kerwei om dyn bern op 'e wrâld te setten,’ seit er. ‘Do moast it in skoftlang begeliede, mar dan moatst sjen datst fuortkomst. Lûk dy stadichoan werom. It gefaar bestiet oars datst tusken de lêzer en it boek ynsitten giest, en datst dyn eigen ferhaal út begjinst te lizzen.’ Ta beslút skildert Mak ús de wrâld fan it boek, mar dan oer in jier as tweintich. Mak sjocht ús mei minykompjûterkes yn pleats fan mei in boek ûnder de tekkens lizzen, en hat goed nijs foar de lytse (lês: Fryske) útjouwerijen: mei de nije apparatuer ha wy aanst net mear in kultuer fan bestsellers, mar kinne der folle makliker lytse oplagen makke wurde. No al publisearret Stephen King syn boeken per haadstik op Internet. Earst as trijekwart fan de lêzers foar it foargeande haadstik in dollar betelle hat, set er it folgjende op it Net. Hy soarget der foar dat it ferhaal spannend bliuwt, dat hy sil wol ryklik mei cliffhangers struie. Dizze ûntjouwing soe de ein betsjutte kinne fan grutte útjouwerijen en fan it boek yn printe foarm. It boek sil wol bestean bliuwe, mar dan benammen de moai útfierde ûtjeften, mei grutte oandacht foar kleur en foarmjouwing. Sis mar de Don Quichotten fan de ienentweintichste ieu. ‘Dêrom sil de boekemerk yn Jorwert oer in jier as tweintich, tritich der gâns oars útsjen as hjoed, 7 oktober 2000, en kom ik no gau nei ûnderen om sels myn slach te slaan,’ beslút Mak syn preek. Hy swaait it doarke fan de preekstoel iepen en klatteret by it trepke del.

De tsjerke rint dalik wer leech. Op hjir en der in iensume sneuper nei. De echten mei in rêchsek. Ien fan harren is in âlde man mei sniewyt hier. As ik njonken him stean, hear ik dat er tsjin de frou achter de tafel seit: ‘In boek bestiet út twa persoanen: in skriuwer en in lêzer. Wol it wat wurde, dan moat de skriuwer skriuwe kinne, en de lêzer lêze. Mar op eintsjebeslút wurdt in boek sa't de lêzer it lêst. En no is it sa spitich, bêste dame,’ suchtet de man, ‘dat de measte minsken alles fan in boek fergje, mar

Trotwaer. Jaargang 32 sa'n bliksemse bytsje fan harsels. Dêrom lizze hjir safolle boeken. Sjoch, en dat ha ik niis mist yn it ferhaal fan dy Mak.

Trotwaer. Jaargang 32 binnenkant achterplat

Meiwurkers

Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum en de Riepe. Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits, Jout lessen Nederlänsk en digitale feardigens, fan it O-nivo öf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtinge. Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as free-lance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. Cor Hofstra (1946) is wiskundelearaar te Ljouwert. Wennet yn Frjentsjer, mar is grutbrocht yn Drachten. Titia Lont (1963) studearre nei de PA yn Ljouwert ûnderwiiskunde yn Utrecht. Is manager ûndersyk en ûntwikkeling en gemeenteriedslid foar it CDA yn Den Haach. Publisearre twa dichtbondels: Luxor (1985) en Lând ût see (1986). Feerder hew ik 'n keer as seuven met 'n Bildts gedicht op 'e Fryske Skriuwerskalinder staan en hew ik twee keer as singer/songwriter metwerking ferleend an 'n Tsjoch CD. Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). Margryt Poortstra (1953) wurke yn de swaksinnigesoarch en as siktaresse yn de psychiatry en (op dit stuit) by it RIAGG, publisearre romans, ferhalen, berneboeken en gedichten; har lêste dichtbondel wie Eva (1997), har lêste roman De loads (1999). Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. Trinus Riemersma (1938) is húshâlder. boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. Piter Terpstra (1919) wie selsstannich sjoernalist, skriuwt Fryske en Nederlanske romans, toanielstikken en dokumintêres. Fersoarge toanielkritiken foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân. Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichthondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij. In útjouwerij fan Quize QUânsje (1995). Atze van Wieren (1943) woont in Buitenpost en is als loopbaanadviseur verbunden aan de RUG. Besloot op zijn vijftigste minder te gaan werken en meer te gaan schrijven; de laatste tijd ligt het zwaartepunt bij de poëzie. Volgde schrijfeursussen en publiceerde o.m. in Mens en Gevoelens, de Leeuwarder Courant, Noachs Kat en de Internetpoëziekrant Meander. Won verschillende prijzen en eervolle vermeldingen.

(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens.)

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 453

[Nummer 10]

Dwersreed Sjoerd Bottema

Fryslân en de wrâld

It nije mondiale Frysk stiet der oan te kommen. Ik jou hjirûnder twa priuwkes as foarbyld:

Zou hij begrijpen dat ik niet aan zijn graf was omdat ik verkouden was, als ik verkouden was? En zou hij weten dat dit een smoes was, mij toeknikken van ja natuurlijk, en dat het helemaal niet hoefde? Dat het geen zin had deze regen op zijn kist te horen vallen, dat hij zelf niet was gekomen als hij hier niet toch toevallig - (Judith Herzberg, ‘Begraven’)

Dat prachtige, koppige ras, Dat, om voor een koning te buigen, Te stijf eens van knieën was. (Francois HaverSchmidt, ‘De Friesche poëet’)

Wat ha boppesteande sitaten mei inoar te krijen? De kursivearringen binne trouwens fan mij. Dy kursivearre passaazjes, dy binne typearjend foar it nije mondiale Frysk, en dêr draait it yn dizze Dwersreed om, dy't net dwerslizze wol mar paadwize, in alternative rûte, in koarte dwersferbining fan it lytse Fryslân nei de grutte wrâld.

Ynstee fan in boerefeint lit Gysbert Japicx in herder oan it wurd yn ‘Herders ljeafde to Galathea’ en dy besjongt net de lof fan Gatske of Gealtsje, mar dy fan Galathea dus, en hij ferliket har skientme net mei it oanfallich wêzen fan Tetsje, Lutske of Rjimke, mar mei de striking glamour fan klassike stjerren: ‘Dy Galathea stjoert wey, / Om Thetijs, Pluto of Rhëa, / Dy bouwje' op drieuwend sân’. Dy allochtoane herder en dy útwrydske nammen, it hearde by Japicx syn stribjen om it Frysk op te stjitten ta de hichte fan de klassiken. Yn syn besykjen it Frysk te ynternasjonalisearjen wie Gysbert in avant-gardist fan fier foar de Jongfryske Mienskip en De Tsjerne. Mar nei Gysbert wie it dien, de earste pear hûndert jier. ‘Naar ploeg en koestal vluchtte / Uw taal, eenmaal Hollands schrik,’ dichtet twa ieuwen letter Piet Paaltjens alias Francois HaverSchmidt yn ‘De Friesche poëet’. Wat is der dêrnei al ûndernommen om it Frysk út it slop fan it bûthús wei te heljen! ‘Mei it biedwurd “Fryslân en de wrâld” moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren, in brêge foarmje tusken Skandinavië en Ingelân, byskonkje dêr't hja, yn folkskeunst stomprûn en fêstrustke, by dy oaren yn 't efteren rekke wie.’ (Klaes Dykstra oer de Jongfryske Mienskip [1915] yn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer). Douwe Kalma ferbún Fryslân ‘mei de klassike “Wrâld” fan Homerus, Dante en Shakespeare, Molière en Shelley’ en tilde Fryslân sa ‘nei in ynternasjonaal plan’.

Trotwaer. Jaargang 32 Yn it earste nûmer fan De Tsjerne (jannewaris 1946) ferbrekt Fedde Schurer de bining tusken Fryske literatuer en Fryske Beweging. It soe net langer gean ‘om Fryske literatuer mar om literatuer op syn Frysk’ (Dykstra). ‘Fryske skriuwers binne Fryske skriuwers wurden,’ skreau Anne Wadman. ‘It typysk Fryske soe ûnderwilens ferbrede en ferdjippe wurde ta it algemien minsklike. Plak fan hanling koe op 't lêst rûnom te wrâld wêze. De swetten wiene útlein en de Fryske klok op wrâldtiid bysteld.’ (Dykstra)

Trotwaer. Jaargang 32 454

Sa waard Fryslân opstjitten yn de feart fan de folken en dus komt yn it gedicht ‘Famke’ fan R.R. van der Leest in sekere ‘bibeth’ oan de doar dy't om in ‘hockeystick’ freget: ‘bibeth kaam oan de doar om in hockeystick te lienen’.

En wat lês ik no yn de Ljouwerter Krante fan 10 novimber? Dêr beweart Hylke Tromp yn syn twawyklikse freedscolumn dat it Frysk der yn it foarste plak is foar it Frysk-eigene: ‘Wêr moatte al dy taalbefoarderers har drok oer meitsje as de taal gjin oar doel mear tsjinnet as it oerbringen fan mondiale klisjees?’ Fuort mei Galathea en har ‘herder’, mei Tethijs, Pluto en Rhea, en idem ‘bibeth’, opsoademiterje mei dy ‘hockeystick’, of lit oars it Frysk mar rotsje: Taal is in kommunikaasjemiddel en as der yn dy taal gjin oare gefoelswearden meidield wurde kinne as yn de rest fan de wrâld, dan is sa'n eigen taal in handikap. Terug naar ploeg en koestal mei dy krupsje.

Mar ha wy, ôfsjoen fan wat folkloare, noch wol wat eigens yn Fryslân? Tromp fynt fan wol: nocht oan ûnnocht is typysk Frysk. Hy sitearret yn dat ferbân in gedicht fan Jac. van Hattum, ‘Sterfgeval’, in prachtich, navrant gedicht oer in frou op har stjerbêd, de social talk fan it omsittend laach en de dokter dy't him by de doar sawat de bonken brekt oer de klompen fan dy besite: ‘de dokter heeft z'n nek gebroken / over de klompen voor de deur.’ Dat is it nije mondiale Frysk: ‘By myn witten hat Van Hattum nea yn it Frysk skreaun, mar dit Hollânsktalige fers [...] is yn dy twa rigels sa Frysk as it mar wêze kin.’ Neffens de redeneartrant fan Tromp leit de konklúzje foar de han en it is wûnderlik dat er dy sels net lûkt: wêr moatte al dy taalbefoarderers har drok oer meitsje as typysk Fryske gefoelswearden krekt likegoed meidield wurde kinne yn it Nederlânsk? Taal is in kommunikaasjemiddel en as de kultuer dêr't dy taal it ynstrumint fan is, krekt likegoed útdroegen wurde kin yn in oare taal, dan is sa'n eigen taal in handicap. Sit hjir trouwens net in moaie opdracht yn foar professor Ph. Breuker? Dy is grif by steat en swylje út de wrâldliteratuer hûnderten, wat sis ik, tûzenen passaazjes byinoar dy't sa Frysk binne as it mar wêze kin.

* Reaksjes op dizze stelling binne wolkom. Graach sa gau mooglik nei it ferskinen fan dit nûmer. - Red.

Trotwaer. Jaargang 32 455

Frâns Holwerda Ofmerke

Al mei al safolle ferline dat er op 'e rommelmerke siket nei bewiis foar wat him troch 't sin gien is

in aansichtkaart mei see en dunen bringt him nei in simmerkamp werom de kalken kop fan Goethe is de kapelaan dy't him ferlearde om te leauwen en de plaat fan in mûne rint samar oer yn in moaie jonge frou dy't wyt en neaken yn de tochtsleat driuwket mei wier yn 't lange losse hier

dy bylden binne skerp, dat jout him rêst as er te let nei hûs ta giet mei fragen aanst en teloarstelde ferwiten

mar hysels swijt as de lytse dogeniet dy't it net helpe kin dat er noch sa lang mooglik yn 'e skimer bûten boartsje wol.

Trotwaer. Jaargang 32 456

Froulju, ferfeling en nasjonalisme De poëzy fan Garmant Nico Visser (80) Eric Hoekstra

Garmant Nico Visser waard berne yn 1910 te Jiskenhuzen en libbet noch. Syn generaasjegenoaten binne Tamminga, Hoekema, Van der Goot en Fan Wering of lykas er yn in gedicht seit: ‘Ik skriuw oan Douwe, Teake, Bouke, Juw.’ (‘Noeging ta it súd’, 127) Dat bringt ús daalks op in earste observaasje. It persoanlike elemint is sterk op 'e foargrûn yn dizze poëzy. De dichter bestribbet gjin eksperiminten nei foarm of ynhâld: syn foarm is de metryske regel mei rym, syn ynhâld is foar twa tredde klassik te neamen. Want froulju en ferfeling binne klassike temata, nasjonalisme dêr foar oer is in tema dat folle beheinder is en by útstek keppele oan de tiid foar de twadde wrâldkriich - alteast yn dit part fan 'e wrâld. Men treft nasjonalisme as tema likegoed oan yn it wurk fan bygelyks Yeats, de Ierske dichter, dy't net om 'e nocht ek út in kultureel minderheidsgebiet kaam, of om it oars te sizzen, by de ‘losers’ wei. Mar Ierlân is teminsten ûnôfhinklik wurden en safier is it mei Fryslân noch net. Ik sil no efterinoar de trije temata yn Visser syn wurk beljochtsje, te begjinnen mei ferfeling.*

1. Ferfeling en oare ‘ûnlustgefoelens’

om my is de mantel fan neat en nacht. (‘Don Juan’, 25)

Myn dochter frege okkerdeis oan har mem: ‘Mem, wêrom is it libben sa ferfeelsum?’ Har mem andere: ‘It libben is net ferfeelsum, do bist ferfeelsum.’ Ik wie der grutsk op dat myn dochter no al sa'n strange smaak ha koe dat se it libben as ferfeelsum ûnderferfine koe, en ik moast tinke oan it iennichste liet dat my mankelyk meitsje kin, it lietsje mei de ûnstjerlike regel ‘Is that all there is’. En dat is IT tema fan de ‘poète maudit’, de ‘gedoemde dichter’. Foarbylden fan dat type binne ûnder oaren Slauerhoff, Van der Wal en Baudelaire. Ik rekkenje Visser dêr ek by. It tema fan de ferfeling komt it meast en it moaist nei foaren yn Visser syn earste bondel, Jolm (1947). Dat betsjut ‘aanspoelsel’, en tsjut op it tema fan it ferlern wêzen. Ik beskôgje dit as in gearhingjende tematyske betsjuttingskloft: ferfeling, ûnfoldienens, wurgens, útstjittenens, ferdommenis, ferdwaald wêze. Yn it twadde gedicht fan Jolm wurdt dit tema daalks al oansnien (‘Myn broer’, 7):

En letter, wer op 'en paad, en letter, wer dwalend, dûnker de eagen nei in fier doel, ûnfoldien en altyd wer nei it ûnberikbere talend, sa ha ik dy sjoen, myn broer, en sa dy ferstien.

Trotwaer. Jaargang 32 457

‘Mêd’, it tredde gedicht út dy bondel slút by it foargeande oan:

God, ik bin mêd, ik bin mêd. Is der dan nearne in frou en is der dan nearne in wyt bêd en gjin witten, gjin rotsfêst leauwen en gjin dûnker en nommel fielen yn libbene sielen?

Wat is dit foar langstme nei wissichheid? Is it wurgens fan de eigen malkerige aard? Mar yn de mienskip fielt de dichter him net thús, fielt er him útstjitten (‘Pas’, 9):

Ferlake, húnd, melaatsk, sa dwaal ik oan de rân fan dizze mienskip en der is gjin hân dy't mei my fûstket, ik wie te min karaatsk.

In djippe driuwfear is it selsmeilijen dat út dizze regels sprekt. En ja, sa bedarje wy dan wer by de ferfeling (‘Advys’, 21), mei in wrang-humoristyske winding yn regel 9 (‘Doe haw ik him op it hinnehâlden wiisd’):

Ik kuiere mei him, hy sei my somber: Wat moat ik mei myn libben dwaan, wêrom libje ik eins, 'k ha alles dien, de som wie altyd wer ferfeling, spleen; ûntwondere

is hiel dit wrâldal, sels de would-be sfinx Frou, dêr't wy earst sa hyper-dom foar knibb'lje. Oaren lykwols sil' fleurich fierder libje, hja trouwe, krije bern, - krijt men dan niks?

Doe haw ik him op 't hinnehâlden wiisd, [...]

Mar fierders falt der net folle te laitsjen yn de poëzy fan G.N. Visser en dat is spitich: it is no

G.N. Visser, 1980 (foto LC/argyf FLMD)

Trotwaer. Jaargang 32 wol tige skriemerich. En it lêste gedicht fan Jolm is bitter, tige bitter (33):

Anno 1946 Ek dit oanfurdigje ik, in toar bestean iensum, allinne ta de ein te gean. Ek dit oanfurdigje ik, gjin gloede mear, o hert, o roas, dy't alle read ferlear. Ek dit oanfurdigje ik, alle hoop ferlern Fryslân jit ienr is jong en grien te sjen. Ek dit oanfurdigje ik, ek dit: de ein, froast oer myn fielen, nacht yn dit brein.

Trotwaer. Jaargang 32 458

De bondel Agger (1964) ferskilt ynhâldlik suver net fan Jolm. Oant en mei de titel. Tsjutte jolm (‘aanspoelsel’) derop dat de skriuwer gjin hege pet fan syn gedichten op hat, agger (‘het even rijzen van de zee tijdens eb’) is al like larderich en enerzjyleas. It tema fan de ‘gemiste kans’ kriget stal yn it iepeningsgedicht, ‘Kantoarjuffer’ (37), mei as memorabele regel: ‘Mar hokfoar kânsen hat dit toarre fleis’. Och, hoe skansearret de dichter himsels mei syn eigen ferachting. ‘Is that all there is?’ Is dit alles dat ik bin? Is dit it libben? Ut ‘Iensum te wêzen...’ (43):

Iensum te wêzen, bitter tinkend oan eigen ferachtlikens, jins ûndergong sinysk te akseptearjen

En dan it fielen dat je ferdomme binne, net sûnder in beskate grutskens, dy't him in inkelde kear ris mingt mei in eroatyske oanstriid (út itselde gedicht):

O fammen, glimkjend, bloeiend, ûnbewust, inflearmûs is it, dy't lâns jim finsters glûpt. [...] En, wer op bêd, fersinke yn in dream deadelik swier en del en aloan del yn 't ryk te gean, dêr't jin in feale stream bylâns tsjocht fan ferdoemden, Hel, o Hel.

De ferfeling hat te krijen mei it stellen fan te hege easken, mei in ynberne oantefredenens mei de realiteit. Ut ‘Episoade’ (44):

Haw ik har leave? Faaks yn it begjin? Ik wit it net. Wol wit ik dat oplêsten in djippe ûntefredenheid him nestle en kankre en friet. 'k Wie machteleas dertsjin.

De ynhâld fan ‘Post coitum’ (45) sil ik de lêzers besparje: de teneur is klear. Wyldewrang, de titel fan Visser syn tredde en lêste bondel (1978) is alhiel yn deselde styl kwa betsjuttingsassosjaasjes as Jolm en Agger: wyldewrang is ommers ‘bitterswiet’. Mar der is in radikaal ferskil kwa toan en ynhâld tusken de earste twa bondels en dizze lêste. Yn Jolm en Agger is der in beskaat, sels al stiet it faai, lykwicht tusken de ferskate temata fan Visser: froulju, Fryslân en ferfeling. Der komt sels noch wolris in tel fan wille, in tel fan nocht foar. Of lykas de dichter yn ‘Riten’ (9) skriuwt: ‘en skoarjend jout er ta: soms binne der goede riten’. Slaan acht op dat ‘skuorjend’, minsken. Yn de tredde bondel is it lykwicht fuort: wat oerbliuwt is in hysterysk nasjonalisme, in skellen op al dat ûnfrysk is, it is gewoanwei minne poëzy. Dêr komme wy aansen noch op werom.

2. Froulju

It is foarby, ik bin wer pessimistysk (‘Post coitum’, 45)

In minder prominint tema yn de gedichten binne froulju. Foar har oer nimt de dichter yn de earste twa bondels in Don Juan-eftige pose oan. De toan is dan ynienen lichter

Trotwaer. Jaargang 32 en net sa stinnerich en klaaisk. Yn de lêste bondel - ik sil dat mar de nasjonalistyske neame - is dat net mear sa. Dêr komt Fryslân wol in inkelde kear as frou foar, mar dy identifikaasje betsjut earder dat alle nasjonalistyske dregens op froulju oerdroegen wurdt, of alle ‘ûnlustgefoelens’, as dat oarsom de lustgefoelens de tema's fan nasjonalisme en ferfeling oerwjukkelje. Lit ús earst wat oanhellingen út de earste twa bondels jaan om it Don Juan tema te yllustrearjen. Ut it earste gedicht fan Jolm (7):

En haw ienkear no swier, wês in Don Juan en stek in dauw'ge knop blier en útdaagjend

Trotwaer. Jaargang 32 459

Ein jierren fjirtich: Garmant Nico Visser (twadde fan links) mei Teake Hoekema, Klaas Dykstra en Durk J. Heedma by it Jongereinkamp Wierskún op Skylge. (foto argyf FLMD)

yn dyn revers, o, dat sit Eva haagje. Wês blier en dryst, dat sil har haagje, man! [...] Wês ienkear sultan op in karnaval, yn haremtúnt' in man fan oansjen en prestaasjes!

De blidens moat fier wei komme by Visser. Hy moat him der dúdlikernôch ta sette: ‘wês blier en dryst, dat sil har haagje, man!’ In fers mei in wat lichtere toan, en in wat mear útsprutsen erotyk is it koarte gedicht ‘Achilles’ út Agger (44):

Frjemd, frjemd dat in ymportant man mei in lofterkant fol stjerren en krusen, frjemd, 'k sis it jitris, dat ien stees neamd as in man fan formaat, sa krimpt, sa lyts wurdt, sa minuskúl as syn sikteresse nimt

Trotwaer. Jaargang 32 460

har blocnote en wite tulen boarstkes noegje sa gol: ‘As ik my mar betsjinje wol’. Siden skonken dogge my wit: ‘Eilaas, dat nimmen ús besit...’

Fansels hat de dichter mei dizze eroatyske taskriuwing ek in ferburgen aginda: pommeranten moatte eefkes swart makke wurde. Dat erotyk jin swart makket is fansels karakteristyk foar kristlike noarmen en wearden (‘do silst net begeare’), dy't in pear generaasjes hingjen bliuwe sels al leaut men net mear yn God. Lykwols komt yn Agger sels in gedicht foar dêr't de dichter sels foar syn eroatyske fielingen útkomt, wat in seldsum ferskynsel is by dizze generaasje (48):

Ik woe

Ik woe dat ik har kaam wie, of dat ik har poeierdûns wie, of dat ik har sjarretel wie ... Nee, dat ik it wetter hel wie dat hiel her lichem ken en

it talústerje mei by it swimmen.

Dit is in gedicht dêr't de erotyk suver, dus amoreel, yn beskreaun wurdt, sûnder byminging fan satire, nasjonalisme of ferfeling. In kombinaasje fan de tema's frou en ferfeling, dêr't de frou de rol fan treaster taspile wurdt, kin fûn wurde yn ‘Amarins’ (52), mei de karakteristike regel: ‘Tútsje m' Amarins, want ik bin wurch’. Al mei al is Agger faaks noch wol de fleurichste fan de trije publisearre bondels. Lykwols is de titel fan it lêste gedicht ‘Flokspreuk’, in foarskaad fan de ‘nasjonalistyske’ bondel Wyldewrang, dêr't oanienwei yn ferflokt wurdt.

3. Nasjonalisme

Fryslân is de bitterheid, / is it wurd dat alles seit.

(‘Fryslân, 13)

It nasjonalisme rint as in reade trie troch de gedichten fan Visser, sawol yn syn positive ferskiningsfoarm (heitelânsleafde) as yn syn negative ferskiningsfoarm (hystearje). Mar komt it nasjonalisme yn de earste twa bondels ynsidinteel oan de oarder, njonken de ûnlustgefoelens en de froulju, yn de lêste bondel is oan de titels allinne al te sjen wat it dominante tema wurden is. In greep: ‘Stins fan ús hert’, ‘Frysk magistraat’, ‘Nordyske geast’, ‘Nei it Noarden’, ‘Striidsang’ en ‘Striidliet’. En sels yn gedichten mei minder sizzende titels as ‘Fiif kwatrinen’, ‘Efter de kym’, ‘De keapman’, ‘Novimber’ is it ien en al geklei en gekliem oer Fryslân. Ik sil eefkes wat oanhellingen jaan:

Sjoch 'k foar mysels gjin takomst mear omdat foar Fryslân ik gjin ink'le takomst sjoch, of is it krekt oarsom?

Trotwaer. Jaargang 32 (‘Fiif kwatrinen’, 57)

Fryslân, dan sille wyyn dyn wulven wer sjonge in sang fan trou en ienriedigens, dat is de bêste sang. Sterk bin' ús stimmen en fris en o, de jonge gloede op it wang! (‘Stins fan ús hert’, 58)

Wat oaren dwaan meie, krankyl hâlde wy 't op d' âldfryske styl. O Fryslân, âld Fryslân, ús dream, (‘Novimber’, 63)

Retteketetteketet. Fansels binne ditsoarte gedichten ek te finen mank dyen dy't yn de tydskriften publisearre binne of dy't út it hânskrift komme. Nim mar titels as ‘Fryslân dat stjert’. It

Trotwaer. Jaargang 32 461 is mar goed dat ik dizze fersen net op 'e kompjûter ha: oars koe ik sizze hoe faak de wurden ‘Frysk’ en ‘Fryslân’ der yn foarkomme. De gefoelens binne echt, mar de poëzy is falsk. Net om't heitelânsleafde ferkeard wêze soe, mar om't de heitelânsgedichten of klisjees of neatsizzende frazen yn ha, mei har ‘sterke stimmen’ en ‘gloede op it wang’ en har ‘âldfryske styl’, en mear fan ditsoarte propagandamateriaal.

4. Utliedende opmerkingen

myn jeugdheld wie net Kalma, mar Lord Lister.

(‘Utflecht’, 31)

De Samle fersen befetsje nêst de trije publisearre bondels ek noch ‘Fersprate fersen (1933-1987)’, dy't yn tydskriften publisearre binne, fersen ‘Út it hânskrift’ en ‘Oersettingen (1952-1987)’ fan gedichten út Romaanske kontreien, benammen Katalonië en Brazilië. Watte? Katalonië? Brazilië? Ik hie tocht dat Visser wol út echte ‘Nordyske’ talen fan ús Germaanske stambruorren oersette soe! Wy sljochtsje dit oer... Op side 293 stiet in ‘Ferantwurding’ fan in heal a-fjouwerke fan D.A. Tamminga en dat is it dan. Ik fyn dat fierstente summier. As ik de samle fersen fan ien lês, wol ik ek wat oer de man of frou sels witte. De útjeften yn de rige Fryske Klassiken hawwe allegearre in kreaze útlieding fan in saakkundich ekspert dy't ynformaasje oer skriuwer, boek en tiidrek jout, krekt as by de Ingelsktalige swarte Pinguins dêr't oersettingen út de wrâldliteratuer yn steane. Jawohl: ferfeling, froulju, nasjonalisme en oare ûnlustgefoelens: dêrmei is de tematyk fan Visser wol ûnder wurden brocht. De foarm fan syn poëzy is oars net as flot en sjongsum te neamen. It rint as in trein, en wurdt dochs mar komselden in meganyske kadâns. Mei oare wurden, de man kin dichtsje! ‘In poete maudit út de earste helte fan de tweintichste ieu dy't yn de mûklaach fan it nasjonalisme rûn’, sa soe ik G.N. Visser net sasear gronologysk mar al psychologysk karakterisearje wolle.

Noat

Dit oersjoch is basearre op 'e Samle fersen (1989), gearstald troch D.A. Tamminga en finansiere troch de Douwe Kalma Stifting en it Anjerfûns Fryslân. De bondel is net mear yn 'e boekhannel te besetten, en ek antikwarysk koe ik der net oankomme dat ik moast de gong nei de Provinsjale Bibleteek meitsje om dy treflike útjefte te rieplachtsjen. Ik kom hjirop om't it yn ús kompjûtertiidrek dochs net ûnmooglik wêze moatte soe om klassikers oanienwei te keap oan te bieden fia in printing-ondemand formule. Potinsjele keapers soene it boek yn in digitale boekhannel op Ynternet ynsjen kinne, en keapje it, as it har noasket.

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 462

Tegels Meinou P.

In pak snie wurdt seldsum, koppe de Ljouwerter okkerdeis. En troch it ûntbrekken fan in snietek bliuwt it winters waarmer as gewoan en dêrtroch is de kâns op snie wer lytser. In delgeande spiraal, dus. Wylst de earste snie fan it jier foar in protte minsken in bysûnder, hast emosjoneel momint is, skriuwt de waarman. Flak nei't ik dat berjochtsje lies, hearde ik Randy Newman op de radio: Sigmund Freud's Impersonation of Albert Einstein in America, in nûmer mei in prachtich mankelike ynlieding fan in brass-ensemble. ‘You're the best dream man has ever dreamed / And may all your Christmasses be white’, sjongt er yn de lêste twa rigels. Newman hat syn winsk iroanysk bedoeld, fansels. Want as der altyd snie lizze soe mei de krystdagen, soe it fanselssprekkend wêze en hoegde der net mear op hope of oer dreamd te wurden. Dat it om dy dream giet, sjongt net allinnich Bing Crosby om Krysttiid hinne al desennia lang oant ferfelends ta, mar waard my foaral dúdlik by it sjen fan de film Y aura-t-il de la neige à Noël? Dêr wurdt it earmetierige bestean yn tekene fan in Súdfrânske mem mei sân bern. It slagget har om nettsjinsteande it útsichtleaze libben dat se liedt, in dream te hawwen. Wa wit, leit der wol snie as wy Krystfeest fiere, seit se bemoedigjend tsjin har bern. Dy dream wurdt wier, tsjin alle ferwachtings yn, en dan kin se de wrâld wer oan. No hoopje ik mei hert en siel op in ferskuorrend stringe winter. Mei bergen snie dy't salang lizzen bliuwt datst der mear as genôch fan krijst. Lykas yn de winter fan 1963, doe't wol trije moanne lang út myn balkonkeammerke fan it âldershûs wei de oars altyd sichtbere tsjerketuorren fan Menaam, Dronryp, Skingen en Slappeterp net te sjen wienen. Sa tsjok stienen de blommen op 'e glêzen fan it net sintraal ferwaarme hûs. En ûnder de balkondoar troch hie him in drompel fan snie foarme, dy't al dy tiid net teid is. De wrâld moat opkâlde wurde. Want ien sa'n winter makket dat de kâns op snie en iis de kommende jierren wer grutter is. In opgeande spiraal, dus.

Mar miskien draait it net om de snie fan moarn of takomme jier. Hoe âld is it langstme nei de snie fan eartiids? Song de fyftjinde-ieuske dichter Francois Villon it al net: où sont les neiges d'antan? Hoe faak soe der de ôfrûne hûndert jier snie lein hawwe yn desimber? Hoe faak soene der artikeltsjes yn de kranten oer klimaatferoaring ferskynd wêze? En wat wie dêrfan wier? Ik kin my dêr net drok om meitsje. Ik sjoch leaver werom mei myn eigen ûnthâld dat my fertelt dat doe't ik lyts wie de simmers lang en waarm wienen, yn 'e hjerst de pannen fan it dak waaiden en de winters altyd bergen snie en iis brochten. En sa moat it bliuwe.

Trotwaer. Jaargang 32 463

Narcissus Greet Andringa

Wat is er kreas! Syn wite feltsje sa glêd, opljochtsjend yn it wakkerjende ljocht fan in waksinekearske. Der lizze dripkes swit op syn foarholle. Krekt sa as der dripkes reinwetter lizze op it iepensteande tûmelfinster. It is noch hieltyd waarm, al hat it reind. It rûkt nei wiete trotwaarstiennen en in sliepende jonge. Ik stryk him in readbrune tûf hier út it gesicht. As er in frou wie... Mar hy is gjin frou. Ferline jier hat er einlings syn earste wiete dream hân. Dat funksjonearret dus ek. It laboratoarium hat befêstige dat it meunster dat ik stjoerd haw libbensfetber sied befette. Foarsichtich strûp ik de mouwe fan syn piama omheech. Ik lis de optriuwbân om syn fan de sliep swiere earm. Ik set de nulle op 'e spuit, lûk de bân fêst en praat sêft tsjin myn jonge. De nulle glidet as in mes troch farske bûter troch it fel. Skande fan sa'n moai earmke. It bloed brûst jong, fol enerzjy en donkerread yn it reservoir as ik de sûger weromlûk. Nulle derút. Watsje op it gatsje yn syn earmtakke, efkes oandrukke, earm dûbelteare. Spuit leechskowe yn 'e reagearbuis, spuit yn'e giele kontainer, reageerbuis yn 'e koker om him op te stjoeren. Formulier ynfolje en ek yn 'e koker. Koker ticht en yn 'e bûse. Wykliks ritueel. Ik slikje foarsichtich in pear fan de switdripkes fan syn foarholle. Jonge jongessâlt. Sybesmasâlt.

Ik rin de trep ôf nei ûnderen. De tredde tree kreaket. Dat docht er altyd. Ik set Wybren syn fersliten skoaltas foar de safolste kear út myn ljochtkleure learen draaistoel, skink mysels in reade bordeaux yn en gean sitten. Margo hat yntusken de ôfwask dien en is nei hûs ta. Ik slút myn eagen en nim in slokje. In noflik gefoel, myn seldsume neiteam feilich ûnder itselde dak te hawwen.

De foardoarskille giet. Wybren syn slûge eagen steane ynienen wiid iepen. Hy proppet gau it lêste stik fan de croissant mei sjem yn 'e mûle, jit der in swolch molke efteroan en draaft nei de doar. Underwyls hat er de learen tas by it hânsel grypt en my in freonlike stomp mei syn fûst op 'e boppe-earm jûn. ‘Hoi,’ hear ik Froukje har stim. In bytsje ferlegen en fol ferwachting. Krekt as Margo sa'n santjin jier lyn. Efkes letter sjoch ik se tegearre ôfsetten. Op 'e fyts nei stêd. Hy makket grutte gebaren mei syn earms en sy sjocht laitsjend by him op. Ik moat it der mar ris mei him oer hawwe. Froulju is wol it lêste dêr't we ferlet fan hawwe. Ik set de boarden op it oan-

Trotwaer. Jaargang 32 464 rjocht, skriuw in briefke foar Margo(-sa-sleau-as-in-ko) en pak de fyts om nei it kantoar te gean.

De giele koker leverje ik ôf by de ôfdieling research. Jelle groetet my en jout my de útslaggen fan ferline wike. Dy bliuwe goed. Der is allinnich al in skoftke wat mei telomearen - tefolle of krekt te min stikjes oan 'e ein fan syn DNA-stringen. Hy soe dêrtroch mooglik wat gauwer ferâlderje as in gewoanenien. Reden te mear om op te sjitten. Yn myn eigen kantoar begjin ik mar ris mei it beäntwurdzjen fan de tillefoantsjes dy't troch myn frije dei juster lizzen bleaun binne.

As ik thús kom sit Wybren te repetearjen yn it túnhúske. Der falt in plak sinneljocht op 'e kromming fan syn rêch en hieltyd breder wurdende skouders. De fûgels fluitsje om it hurdst mei mei it lûd fan syn gitaar. Syn fingers binne sa soepel as elastyk en hearst by him hast nea it earmoedige lûd fan in ferkearde oanslach. Dit nivo haw ik eartiids nea berikt. Margo stiet ynienen mei in kop tee neist my. Dêr kinst net omhinne. Se kin myn gewoanten better as iksels. ‘Wat spilet er moai net?’ seit se. Ynienen fiel ik my oermanne troch sêftmoedigens tsjin de draachmem fan myn jonge oer. Ik tútsje har op 'e loftersliep en se sjocht nei my krekt as Froukje fan 'e moarn nei Wybren. Wannear hawwe we foar it lêst nei de film west tegearre? As ik efkes de oare kant opsjoch dûkt se de keuken wer yn.

We ite bûten. It is in waarme jûn. Wybren fertelt Margo wat oer skoalle. Hy hat in njoggen op skiekunde. Se laket nei my. ‘Krekt syn heit,’ seit se. We lykje fergeemje wol in gewoan gesintsje, sa't we hjir sitte. Eins is it ek wol spitich dat ik har net langer as in pear oeren deis yn my hinne ferneare kin. ‘De learaar seit dat ik aanst mar gemyske technology studearje moat,’ giet Wybren fierder. Ik lûk in wynbrau omheech. Dan pas sjoch ik oan it dûkje dat oan 'e rjochterside fan syn mûle ûntstiet dat er my foar it lapke hâldt. ‘Mar dy man wit fansels net dat ik konsertgitarist wurde moat.’ Smoarge jonge. Margo steapelt de boarden op, Wybren giet werom nei it túnhús dat fan it begjin ôf syn favorite oefenromte west hat. Ik bliuw sitten mei in krantsje.

Dit stik giet dochs noch net sa goed, hear ik. Ik rin senuweftich oer it terras op en del. De skermen fan it fluitekrûd wigelje yn it sêfte foarjierswyntsje. Oer twa wike is it talittingseksamen foar it konservatoarium. Wat soe ús heit de smoar yn hawwe. Hy soe fine dat de jonge in fatsoenlik fak leare moast. Krekt as my. Ik fyn dat ik genôch konsesjes oan dy âlde dien haw troch him te ferneamen. De fingers dêr't ik de mok kofje mei fêsthâld binne

Trotwaer. Jaargang 32 465 wyt fan it knipen sjoch ik, as ik him op 'e hurdhouten tafel del sette wol. Ik hear Wybren it selde rideltsje noch in kear as trije, fjouwer herheljen. It wurdt better, mar hy is der noch net. Noch in kertierke, dan is it te tsjuster om te lêzen.

Hy komt by my te sitten en stekt it kearske oan dat yn de hâlder fan lead stiet dy't Margo ferline jier foar syn jierdei makke hat. Hy sjocht yn har dochs in soarte mem. ‘Sil ik foar dy ek in bierke helje?’ freget er. ‘Hoe sa, ek in bierke helje?’ freegje ik. ‘Do kinst ommers hielendal net drinke sa flak foar dyn eksamen.’ Wybren prottelt wat, mar slokt it healwei yn. ‘Do dan in bierke?’ freget er. Hy is net faak sa soarchsum. Dat hoecht ek net want meastal draaft en fljocht Margo wol. Ik haw der eins net sa'n sin oan, mar omdat hy it freget sis ik dochs mar ja. Foar himsels nimt er in glês kola mei. We lústerje nei it kweakjen fan 'e kikkerts yn 'e feart. ‘Wat fynst der fan om freedtejûn mei Margo en my nei de film ta?’ freegje ik him nei in skoftke. Hy wurdt read. Syn wangen sjogge der út om yn te biten. ‘Dan bin ik der net,’ seit er, ‘we ha sportdei.’ ‘Jûns dochs net?’ sis ik. ‘Nee, mar we hawwe ôfpraat dat we jûns noch even de stêd yn sille mei in ploechje.’ Ik sjoch him strang oan: ‘Do wist hoe't ik oer let op bêd gean tink yn dizze tiid.’ Hy wurdt noch reader, en ik sjoch oan 'e opsetten ier op syn foarholle dat it no net allinnich mear fan ferlegenens is. Ja hy wit ferrekte goed hoe't ik oer let op bêd tink, seit er, nei de film mei my mei wol, mar syn eigen gong gean mei net. Of tocht ik dat er net sjoen hie hoe ferneatigjend as ik nei Froukje seach as dy der in dea-inkele kear yn kaam as se him ophelle? It bern woe net iens mear binnenkomme. Se fûn my in grizel. Ik fiel oan it klopjen oan 'e sliepen dat ik no ek lulk begjin te wurden. De ier op myn foarholle sil no ek wol opsetten wêze. ‘Do komst gewoan thús!’ sis ik lûder as ik bedoeld hie. Wybren skout de stoel efterút en rint mei grutte stappen nei de túndoar ta. ‘En it liket ek nearne nei hoe ast Margo behannelst!’ ropt er noch foardat er de doar mei in rotklap efter him tichtlûkt. Ik tel oant tsien en besykje te akseptearjen dat er fansels ek gewoan in puber is. Hy stampt lûd de trep op. Ja, dat is fansels de oare kant fan it Sybesma-aard. De lêste tiid begjin ik ús heit no en dan in bytsje te begripen. It gerdyn wurdt wyld tichtskuord. Ik hear him flokken troch it iepen finster.

Tusken de lamellen troch sjoch ik nei de identike kij dy't yn 'e greide foar it kantoar rinne. De oermem fan dizze bisten bestiet al lang net mear. Ik tink dat dit fiifde generaasje klonen binne. Mar kij jouwe gjin grutte bek teminsten. Ien fan de bisten sjocht mij kôgjend op in pôle gers oan mei grutte

Trotwaer. Jaargang 32 466 brune eagen. Behandelje ik Margo dan sa beroerd? Ik haw har dochs útnoege foar de film? Se hat al sa lang as ik har ken frije tagong ta myn hûs en se liket neat fijner te finen as foar my en de jonge te soargjen. Boppedat fertsjinnet se der in pear sinten mei en dy kin se wol brûke. Of bedoelt er dat net? Hawwe se it der oer hân hoe't hy der kommen is? Dan hat se tsjin him mear sein as ea tsjin my. Ik moat se dochs minder faak tegearre allinnich litte. Ik nim in slok kofje. Se hat dochs sels ja sein doe't ik har, nei't ik har in healjier lang op films en oare flauwekul traktearre hie en allang mei har útpraten wie, frege oft se in bern foar my drage woe? Ik sjoch noch it fereale glimkjen. Se woe my tútsje en foar dy iene kear liet ik it ta. Fergeemje, krekt as at sy de iennige wie dy't der foar lije moatten hat. Wat in hat ûndersyk der net foar noadich west om te sjen oft ik fysyk en psychysk wol it goeie materiaal yn 'e hûs hie foar dit eksperimint! Einleas drave mei plakkers op it boarst. Einleas IQ-tests meitsje. Einleas sykje om in draachmem. Einleas mei juridyske adviseurs om tafel en formulieren tekenje. Hin en wer nei de klinyk. Adviseurs en ynspekteurs oer de flier. Swijplicht. Miskien moat ik Wybren dochs mar syn jûn fuort gunne. Hy hat ferrekte hurd wurke de lêste moannen. Al begryp ik wier net wat er der oan fynt. Ik haw der fergeemje dochs alles oan dien om tegearre alles dwaan te kinnen dêr't we goed yn binne en dêr't we nocht oan hawwe? As je de hiele dei spylje kinne en in dosint hawwe as Abele Minnema, wat foar ferlet kinne je dan noch hawwe oan dom geswets mei minsken fan sechstjin, santjin jier yn in rikkerige kroech? Wêr binne de tiden dat we tegearre yn it bosk bûkenútsjes sochten en ik him krekt fertelle koe hokker poddestuollen as er op in skadich plakje fûn hie?

It is yndie in film fan neat. It is in jûn fan neat. Margo mei in bûsdoek yn 'e knûst en sa sêft snotterjend dat se tinkt dat ik it net hear. Se wit dat ik hielendal net fan dat gedoch hâld. Ik bin bliid dat de haadfigueren inoar nei goed oardel oere úteinlik krigen hawwe en dat we nei hûs ta kinne. As we der yn komme, sjoch ik dat de wizer fan 'e klok op fiif oer healwei stiet. Wybren is noch net thús, al hie 'k mei him ôfpraat dat er der foar healwei alven wêze soe. Ik freegje Margo oft se noch wat drinke wol. Se seit fan ja. Foar dizze kear skink ik har wat yn. It klokken fan de wyn út 'e flesse yn it glês klinkt lûd yn de fierders hast stille keamer. Foar in hoartsje fyn ik it wol noflik dat ik net allinnich bin, mar nei in heal oere begjint it my dochs yn te brânen. Wêr bliuwt dy jonge! Ik rin ûnrêstich tusken myn stoel en de keuken hin en wer en it stil wêzen fan Margo wurket my ek op de senuwen. As se wat sizze soe, soe it ek net goed wêze oars. ‘Gean no mar fuort,’ sis ik tsjin har. Se sjocht my nuver oan, mar hellet dan har skouders op en giet.

Trotwaer. Jaargang 32 467

Healwei ienen. Noch gjin Wybren. Ik haw nei syn keamer west om te sjen oft er net dochs al thúskommen wie. Ik haw in skoftke op syn bêd lein, mei myn noas yn syn kessen, om him dan teminsten mar te rûken. Nei in kertier bin ik der mar wer wei gongen. Ik soe net wolle dat er my dêr sa fine soe. Ik bin yn it túnhûs west. Ik haw syn ynstrumint oanrekke, foarsichtich betaast. Ik plukte oan in snaar, mar it ding woe wier net mear klinke yn myn hannen. Wer yn 'e hûs bin ik yn myn stoel delploft. Dêr't ik fansels earst syn skoaltas út smite moast. De iene stjoerder nei de oare lit ik no foarby komme. Snie, in bleat frommes, in tropysk reinbosk. It lûd ha 'k útset, mar troch de iepensteande túndoar hear ik it lûd fan kikkerts en imerkes dat net misstiet by de griene bylden dy't ik no mar in skoftke harren gong gean lit op it skerm. Ik haw allang wer spyt fan de wyn dy't ik mei Margo en dêrnei dronken haw. Sa kin ik net ride. En al koe ik ride, dan soe 'k fansels noch net witte wêr't ik him sykje moast. Fergeemje! Sa ôfwachtsje te moatten en neat te kinnen! Om kertier oer ienen hear ik lûden yn 'e eftertún. Ik moat efkes wei west hawwe. Twa frouljusstimmen en in ûnnatuerlik balten dat my yn 'e fierte bekend foarkomt. Margo komt binnen mei Froukje en tusken harren yn hinget mear as dat er rint, Wybren. Hy hat de rjochter earm yn in mitella. Hy gnysket nei my as ik nei syn earm sjoch. ‘Ungelokje!’ seit er mei dûbele tonge. Froukje prommelt wat oer volleybal en brutsen finger. Margo sjocht my freegjend oan. ‘Ik moat spuie,’ ropt Wybren en hy draaft, foar safier't er dat noch kin, nei it húske. ‘Derút!’ raas ik tsjin Froukje. Se siket steun by Margo, mar dy triuwt har sêft tsjin har boppe-earm en flústert ‘Gean mar.’ As ik by de badkeamer kom, komt in soere bier- en spuilucht my al te mjitte. Wybren hinget foaroer mei syn holle boppe de pot. Syn hier plakt him switterich tsjin 'e hûd. ‘Hoe kinst dit no dwaan, kloatsek!’ rop ik. Hy hinget derby as in útwrongen dweil. ‘Hoe woest sa oer oardel wike spylje?’ raas ik der efter oan. It is wier net omoan te sjen. Ik wâldzje him tsjin 'e kont. Hy springt ynienen oerein. In stik nuchterder as niis en sa lulk as ik him noch nea sjoen haw. ‘Dat is it iennige dêrsto oan tinke kinst, hin? It kin dy gjin moer skele wat ik der fan fyn en hoe as ik my fiel. As dyn eare mar heechhâlden wurdt!’ Hy docht in greep neist him, pakt de spegel mei de barst, dy't ik altyd by it skearen brûk en smyt my dy nei de kop. Ik kin him krekt ûntwike. Yn diggels rûgelt er by de muorre del. Ik kin neat sizze. Ik sjoch dat ik myn fûsten wer wyt knypt haw. Hy triuwt my oan 'e kant as er de handoek fan it heakje oan 'e doar pakt en him dêr de mûle oan ôffaget wylst er de keamer yn rint. Hy leit syn grutte hân op Margo har skouder. ‘Ik wol fannacht wol by dy thús sliepe,’ seit er. Hy sjocht nei my yn 'e doariepening fan 'e badkeamer

Trotwaer. Jaargang 32 468 as er seit: ‘Dy fampier, dy smoarge bloedsûger wol ik net mear sjen!’ Se kin him fansels like min wat wegerje as dat se my dat kin. It har te ferbieden leit my foar op 'e tonge, mar ik beslút op it lêste momint it net te dwaan. Ik wit net wat ik him oandoch as ik him no ûnder myn dak hâld.

Der is wat wûnderliks mei de telomearen bard, seit Jelle. Miskien betsjut it op termyn wol in trochbraak op it gebiet fan minsklik klonen en dêrmei legalisearring, as we no boppe tafel krije wat der yn Wybren syn bloed feroare is. Hy eamelt mar troch. Wybren sliept no al in moanne by Margo. En Froukje faak ek, hat Margo my ferteld op ien fan de dagen dat se wol kaam om myn húshâlden te dwaan. Se komt net alle dagen mear. Betiden hat se it te drok mei oare dingen, seit se. Ik haw de jonge al dy tiid net sjoen. It is fansels krekt sa'n stiifkop as ik sels. Betiden haw ik de smoar yn, betiden wit ik dat er my op in dei dochs wol wer om de kaai fan it túnhûs freegje sil, al haw ik it konservatoarium witte litten dat er dea is. Gelokkich haw ik yntusken goed leard mysels te prikken, sadat se op myn wurk net hoege te witten dat er net glânsryk troch syn talittingseksamen kommen is.

Skriuwe en net achteromsjen? (1)

Wie een hedendaagse roman wil lezen, moet niet bij onze schrijvers zijn, want die kijken alleen maar achterom. (Herman Stevens, NRC Handelsblad 5/8/00)

Yndie, de skriuwers dy't no lêzen wurde binne âlde lullen. Harren boeken wurde kocht troch de minsken mei jild, dat wol sizze, fjirtigers en fyftigers. Dy bepale de hjoeddeistige smaak foar safier as dy smaak troch de media as DE smaak sichtber makke wurdt. Voskuil is fan en foar de minsken foar wa't by it âldereintehûs de doar al iepen stiet. Wis, jonge minsken lêze dy boeken ek, mar dan fia de bibleteek of fia har heit en mem. En dus oefenje se gjin ynfloed op de ferkeapsifers út. En yn de sjuery's fan literêre prizen binne se alhiel net te finen. Yn Fryslân lêze heit en mem Omke Rink, of at se wat alternatyf binne, Omke Trinus. En as de jongere generaasje al ris stim kriget yn de persoan fan Ronald Giphart (dy't by de jongerein ymmins populêr is) dan falt hiel literêr Nederlân oer him hinne. Allinne mar om't er flot skriuwt, mei grappen en sûnder dreechstinnerij, en fral sûnder respekt foar LITERATUER as ynstitút dêr't je RESPEKT foar ha moatte. Herman Dinkje... euh Stevens... hat grut gelyk, mar syn geklei is karakteristyk foar de generaasje dêr't er op ôfjout. Oant safier jo favorite tritiger Eric Hoekstra

Trotwaer. Jaargang 32 469

Willem Abma: Distânsje is foar my it biedwurd wurden Henk van der Veer

As ik op tiisdei 5 septimber 2000 yn 'e bibleteek fan Koudum de skriuwer/dichter Willem Abma (58) in ynterview ôfnommen ha, freegje ik him nei ôfrin in opdracht yn Te fûnling te skriuwen, doe noch syn nijste bondel (1999). Abma krijt syn pinne en foldocht oan myn fersyk: ‘Yn Koudum wie de waarmte dy't men net misse kin.’ Mei passy draacht Abma foar út syn nijste wurk. Iepenhertich jout er antwurd op myn fragen. It folk yn 'e seal hinget him oan 'e lippen en achterôf baal ik der fan dat it petear net opnommen is. Abma is lykwols ree om mei te wurkjen oan in ynterview foar Trotwaer. Hij docht mij in útstel om dat te dwaan yn de foarm fan in soarte fan performance yn fjouwer stappen: ‘1. De bondel Kuiers of definysjes fan in ik, dy't koartlyn presintearre waard, te lêzen. 2. Swijend in kuier fan ien of twa oeren mei my te meitsjen troch De Griene Stjer. Healwei soe ik dy dan in fers út de bondel foarlêze kinne dêr't De Griene Stjer as kuiergebiet in rol yn spilet. 3. Oanslutend swijend in fytstocht fan in oere oer Alddiel, Louwsmarwei en Lytse Geast te meitsjen. Healwei soe ik yn fersfoarm myn leafde foar de ko belide kinne. Myn grutte leafde foar de ko as metafoar fan feiligens spilet in rol yn Kuiers of definysjes fan in ik. 4. Dêrnei soe ik dy “opslute” op myn studearkeamer. Dy dêr ynbouwe mei poëzij dy't my leaf is en dy myn essay “Odyssee en queeste, zwerftocht en zoektocht, uiterlijk en innerlijk” fersykje te lêzen.’ Foarearst gean ik net op Abma syn foarstel yn, mar lis him àl in tal fragen foar. Foar it beäntwurdzjen lûkt er alle tiid út. It stilswijen wurdt nei jierren ferbrutsen.

Ik ha de arena ferlitten. Gjin polemyk mear. Ik ha murken dat de polemyk him net ferdraacht mei myn wêzen. Begjin jierren njoggentich haw ik in rige polemyske fersen skreaun. Yn it earste skift fan Te fûnling is dêr in part fan opnommen. Dêrnei is it oer. It fers ‘Werwurd’ wurke befrijend en is dêrom ek in slotwurd. As oaren elkoar de grûn yn wâdzje, belibje ik dêr gjin wille oan. Myn appresjaasje fan W.F. Hermans bygelyks is net mear dy fan foarhinne. Sjoch ik in foto fan dy man, dan begruttet it my suver om him, al dy ûnfoarstelbere ferbittering om 'e mûlshoeken. Dêr komt by dat foar my it biedwurd distânsje wurden is. It skreaune wurd sels is it wurk. Lit dêrom it wurd it wurk dwaan en it wurk it wurd. Wat brocht my ta dy distânsje? Lit my gjin nammen neame. Ik ha de arena ommers ferlit-

Trotwaer. Jaargang 32 470 ten. Mar ik fersykje dy om sels in blomlêzing gear te stallen fan markante c.q. ferneatigjende útspraken út kritiken dy't ik sûnt 1973 hân haw op myn wurk. Dan krijst antwurd op dyn fraach. Wêrom sil ik my dêr langer oan bleatstelle? Ik hie der gjin nocht mear oan om der yn mei te draaien troch it te ûndergean en werom te slaan. Stadich waard ik ta in nulpunt redusearre. Yn kritiken waard ik ôfskildere as in prutser, myn wurkbeurs waard ta nul werombrocht, addisjoneel honorarium waard wegere, it Literair Produktie- en Vertalingenfonds wegere útjeftesubsydzjes. Oer de hiele liny bliek ik behalven ûnbetsjuttend as skriuwer in ek nochal abjekt persoan te wêzen. Dan komt it der op oan. Joust dy dêr by del as werklik alle befêstiging weifalt of giest troch? Oaren krije dy net op, silst it sels dwaan moatte. It is in útdaging om as alles oan dyn omjouwing ôfwizing liket dy net it swijen oplizze te litten. Ek al hast dêr in seker isolemint foar nedich. Werwurd

bliuw mei dyn dwylsin fan myn fersen ôf fan dat wat my it dierberst is ja, hoe pathetysk ek: in libbensplicht (ik neam it sa om't ik sûnt Slauerhoff net wenje meiyn in gedicht)

dyn maniakale moker fol amok sloech blyn satanysk yn op 't reach dat tear en fyn in libben spûn: persoan en poëzij ta web ferbûn al wat ik wie, it moast kapot

mar, freon, do bist myn fijân net al bin ik blykber dinen; ik fiel dyn dwylsin en dyn pinen dat fijânskip oan freonskip stjert wy witte beide, do en ik dat watst ferniele woest net wiene my en poëzij mar wat it wekker rôp yn dy

De briefwiksel mei, mar mear noch de persoan fan Philippus Breuker is foar my enoarm stimulearjend. Oer de ynhâld fan in brief praatst net tsjin tredden. Dat is net korrekt. It feit fan de brievewiksel wyt stadichoan elkenien fan. Dy duorret no trije jier. Wy sizze elkoar de wierheid, sparje elkoar net, mar alles ferrint yn grutte konstruktive freonskip. Dat is fuort ek wat ik mis yn literêr Fryslân: konstruktive krityk dy't net op 'e man spilet. Fan kritiken hoech ik neat te ferwachtsjen hat bliken dien. Ik lês dêrom al jierren gjin kritiken op myn wurk mear. It ynteressearret my net mear. Ek net as se posityf wêze soene. De praktyk wiist wol út dat ik net skriuw om de befêstiging en it net lit om de ôfwizing. Dan hie ik al lang neat mear op papier set. De Gysbert Japicxspriis [1973] wie yn 't earstoan in stimulâns, mar waard stadichoan mear in obstakel omdat ik by in oantal minsken sûnt gjin goed mear dwaan koe. Neist Philippus Breuker is der in twaddenien dy't stimulearjend foar my is. Dat is Goasse Brouwer, myn útjouwer. Hy hat in eigen stâl fan skriuwers dy't er oer alle

Trotwaer. Jaargang 32 boegen mei leafde hoedet en noedet. Sa as Bert Bakker dat foarhinne die. Breuker en myn útjouwer binne yn literêr Fryslân de iennichsten mei wa't ik kontakt ûnderhâld. It is goed sa. It is genôch.

Poëzij is foar my persoanlik fan in heger oarder as proaza sa't muzyk, Bach en Mozart bygelyks, foar my fan in heger oarder is as poëzij. Spitigernôch kin ik muzyk allinne mar passyf belibje. Hie it my jûn west om fioele te spyljen, ik hie wierskynlik noait in gedicht skreaun. Mei

Trotwaer. Jaargang 32 471 de saksofoan is de fioele it ynstrumint dat prate kin, de taal fan de siele dy't djipper trochkringt as hokker wurd yn in gedicht ek. De fioele is dêrby noch fijner as de saksofoan. Gefoeliger. Wol ik my útdrukke dan haw ik inkeld de pinne ta myn foldwaan. Skriuwen is foar my te wichtich. En wêrom? Want it makket my selden gelokkich; as ik der mei dwaande bin net en as ik it dien ha net. Mar as ik net skriuw, bin ik noch minder gelokkich. Blykber slút it dochs oan by wat yn myn inerlik libbet. Oft ik no wol of net, der is in soarte ferlet om te skriuwen. It ultime fers skriuw ik net, libje ik net, mar stjer ik as ik de lêste siken útblaze sil. Do wytst dat siken en siele yn in soad talen itselde wurd foarmje. Nim it Hebrieusk dat foar beide begripen it wurd nefes brûkt. It ultime fers wurdt dêrom stoarn, net libbe of skreaun. Dêr't azem en siele gearfalle ta in uterste, lêste, it sublime sa't Longinus yn syn traktaat oer it sublime bedoelt. Der is lykwols in fers dat se my yn it sin bringe meie. Dat is ‘Heechsân’ út de bondel Dieden [1986]: Heechsân

hjir riuwe ieuwen har ta ivichheid doarmet de oertiid oer it âlde paad de tiid lûkt spoaren ûnfergonklikheid hjir bernet oarsprong út it eigen skaad

ramten fan beamwâl om greide en kij hâlde finzen de skientme yn it kwadraat mar bûn oan gjin grinzen en ûnbeskaat fleane flinters it niis beheinde frij

tsjin dit dekor in pearke hân yn hân flijt him dêr del en pearet yn it sân en it ivige yn wat flitst, hâldt stân

Willem Abma: Ik ha de arena ferlitten (foto S. van Ek)

wat kin in hân mear hâlde as in hân? Safolle ieuwen yn ien eagenblik Hjir tusken de beamwâlen fan Heechsân

Ik ha my ûnder oaren ynspirearje litten troch Wislawa Szymborska. Wat my yn har wurk oansprekt is dat ienfâld in briljant poëtysk gehalte hawwe kin; dat it ûnsin is om te ferkundigjen dat poëzij kryptysk wêze moat om kwaliteit te hawwen. Wislawa

Trotwaer. Jaargang 32 makket alle ûnbegryplike heechdraverij mei har briljante ienfâld yn ien kear oerstallich. Se wjerleit it. Folle mear bin ik lykwols ynspirearre troch de Sweedske dichters Tranströmer en Gustafsson. Der binne noch mannich oaren, ik neam Pessoa en Drummond de Andrada. Fryske dichters dy't ik bewûnderje binne Spanninga, Tamminga en Wytsma en Breuker bringt my tichter by Obe Postma. Fierders bliuw ik in grut bewûnderer fan Achterberg, Gerhardt, Bloem,

Trotwaer. Jaargang 32 472

Gerlach, Hertmans, Kopland, Vasalis.

It ferskil tusken it wurk fan Daniël Daen en Willem Abma is rûchwei sein: fan ‘Look back in anger’ nei ‘Sadder and wiser.’ Oait sil der miskien ien wêze dy't it de muoite wurdich achtet dy ûntjouwing te beljochtsjen. It is logysk dat in man fan hast sechtich net mear fersen skriuwt fan in adolescent fan tweintich of in John Osborne-fan fan hast tritich.

Motto, motyf en tema fan Kuiers of definysjes fan in ik [de begjin novimber by Utjouwerij Frysk en Frij ferskynde bondel] is it idee dat de minske dy't kuieret troch libben en lânskip, komponearret. Hy komponearret de kuier dy't er docht en hy komponearret it lânskip dat er sjocht en feroveret mei syn kuier. Fanselssprekkend giet it hjir sawol om in inerlik as uterlik lânskip. En dêrmei komponearret er ek himsels. En mei dat alles jout er definysjes fan himsels. De earste wiffe stap en de lêste wisse stap, dy fan de dea, en de stappen dêr tuskenyn, odyssee en kweeste, inerlik en uterlik, swerftocht en syktocht. It giet yn dizze bondel om proazagedichten, in sjenre dat my fral by Zbigniew Herbert tige oansprekt. Lês syn sammele fersen der mar op nei. Folsgeare is tige wichtich. Dêr bin ik programmearre foar myn lettere libben, dêr kom ik noait los fan, dêr gean ik ek wer hinne as ik dea bin. Folsgeare giet my troch moarch en bonken, sit my yn ieren en sinen. Slaan de fersen dy't direkt of yndirekt oan dat doarpke wijd binne, der mar op nei. I

Op in reed. Immen. Sylhûet yn beweging. Dize hinget him yn flarden by de hûd del. Flues fan kontoeren dat him krekt net ferskine lit In read opgloedzjen ferriedt in ûndergean fan sinne-omgong. Unsichtberens. Rinnendewei lykop stadich tsjusterjen dat beweging opslokt.

Hy jout him del by de daam. It fallen fan 'e jûn. Splinters yn in skeve lânhikke. Under him brûst wetter troch oplutsen skuven. Glinsterjende jildstikken, nee fiskjes, sjitte fuort oer de drompel fan de dei.

De nacht komt mei de wjukslach fan in fûgel dy't er net ken, syn byltnis yn skerpe fûgeleagen meinimt. Lutsen út it ljocht. Willeas foar de nacht. Proai. IX

Yn it lânskip pleatsen mei hôven dêr't grêften omhinne rinne. Hege wâlen mei stammen dêr't ûnbidige krunen út oprize. Dy't de pleatsen oan it each ûntlûke.

De daam oer de homeie troch: eat dat ieuwenâld is, leit te

Trotwaer. Jaargang 32 slûgjen op in ynbannich hiem.

Hy krûpt de ieuwen oan yn in ko dy't stadich en nijsgjirrich oankuierjen komt.

As ik op de lêste fearnsieu weromsjoch falt my op dat der sprake is fan twa poalen: in hichtepunt en in djiptepunt. Tusken de Gysbert Japixcpriis fan 1973 en it jier 1999, doe't in ûnbehearskbere stream fan ôfwizingen op myn paad kaam. Dêr tuskenyn in proses. Hoe hantearrest sa'n probleem dêrst ek sels in oandiel yn hast? Want, dêr is gjin twivel oer. Ik haw keazen foar distânsje dy't my bytiden in eufoar gefoel jout fan los en ûnôfhinklikens. Is dan it yngean op dyn fersyk ta dit ynterview net ynkonsekwint? Nee, want ik kies foar

Trotwaer. Jaargang 32 473 distânsje en net foar in type isolemint sa't Salinger dat hat. ‘Die Tat ist alles, nichts der Ruhm’, moat Kant sein hawwe. En Longinus seit op side 29 fan syn traktaat oer it sublime: ‘Neat is werklik grut as it ferachtsjen derfan grut is: rykdom bygelyks, earbewizen, reputaasjes, machtsposysjes en al it oare dat eins ien grutte fertoaning neamd wurde kin. Al dy dingen sille yn 'e eagen fan in wiis man net útsûnderlik weardefol wêze, want krekt it lytsachtsjen derfan is fan bysûndere betsjutting. Folle mear as foar minsken dy't sokke dingen berikke, hat men respekt foar dyjingen dy't se wol berikke kinne mar út gruttens fan geast ferspije. Sa is it eins ek mei sublime poëzij en proaza: ek dêre moatte wy neigean oft wy miskien net te meitsjen hawwe mei in fertoan fan yndrukwekkendheid dêr't in soad oan fêst sit dat der foar de gelegenheid mar by skuord is en, neier besjoen, gewoan gjin ynhâld blykt te hawwen. Soks fertsjinnet earder minachtsjen as bewûndering. Want ús siele ferheft him, ûnwillekeurich, troch wat werklik sublym is. Se nimt in hege flecht en wurdt fan freugde ferfolle, freugde en grutskens, as hie se wat se hearde sels makke.’ Dat sprekt my tige oan. Dêr hâldst it mei út. Miskien moat ik efterôf besjoen myn ferspijers wol tankber wêze om ta sok ynsjoch te kommen. Dit ynterview bygelyks. As it pleatst wurdt, is it bêst, mar as it der net komt, is it ek bêst. Ik bin fanwege dy foar my needsaaklike distânsje, gjin abonnee op Trotwaer of Hjir, gjin lid mear fan it Skriuwersboun, it Literêr Histoarysk Wurkferbân of it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ik sil dit ynterview net út mysels mear ûnder eagen krije. It is sa wol goed. Wat is in fers fan in Frysk dichter mear as in speet yn in amer molke en lost ek de dichter sels net op, wurdt er net wei yn it eigen lânskip? Wat soe er dan betsjutte yn grutter ferbân? Ast mei súkses debutearrest, setst alles by it skriuwen allinne op; it is part fan en foarmet dyn identiteit. Do giest fan hichtepunt nei hichtepunt. Sa bliuwt it net. It makket dy tige kwetsber. Yn 1999 siet ik as Job op 'e jiskebult. Doe kamen syn trije freonen Elifaz de Temanyt, Bildad de Sjûchyt en Sofar de Naämyt en sjoch: yn 2000 kearde it tij ûnferklearber en ûnomkearber. Sela! Yn safier't skriuwen helpt my te ferwurklikjen, haw ik ambysjes. Foar mysels en net om oaren. It soe in misferstân wêze te tinken dat ik oergeunstich bin sa't ik noch net sa lang lyn út Súd-Frankryk opfong. Ik gun elk syn literêre súkses. Súkses is moai op it momint. Op langere termyn hat it syn falkûlen. Dy krijst der ier of let op ta. Kollegaskriuwers: alle súkses mei jimme krewearjen en lit my mar mei rêst.

Trotwaer. Jaargang 32 474

‘Mei de brân is it ôfrûn’ Harmen Wind

Teije Brattinga, Dy ferrekte papen - documentaire dramatique. Koperative Utjowerij, Boalsert 2000. 312 siden. f 39,50.

1. De nije histoaryske roman

It docht nij dat der yn de literatuer fan de lêste jierren, ek de Fryske, in tanimmende flecht is op de kouwe fan de histoaryske roman. It liket der op as wurdt, nei in tiid fan it fersmiten fan de ‘romantyske idealisearring fan it ferline’, of it ‘konservative weromsjen’, it sjenre wer wurdearre. It begryp ‘roots’ is (wer) populêr. Wêr komt sa'n oandacht eins wei? En hat dy nije histoaryske roman beskate skaaimerken dy't him ûnderskiede fan de ‘âlde’, sa't dy opkaam yn de Romantyk, twahûndert jier lyn? Ik neam in pear foar de hân lizzende tiidsferskynsels dy't neffens my gearwurkje en dy't wat oanwizings jaan kinne. As ik dy skaaimerken loslit op de roman fan Teije Brattinga, Dy ferrekte papen, doch ik dat net allinne om myn oardiel oer dy roman ta te ljochtsjen en te ûnderbouwen, mar benammen ek om de betrouberens en wurkberens fan dy (ornearre) skaaimerken te hifkjen.

Earst dus de tiidsferskynsels dêr't de nije wurdearring út fuortkomt: 1. ‘Fin de siècle’. De oergong fan de iene ieu yn de oare, en fansels benammen it iene milennium yn it oare, joech oanlieding ta in soarte fan wrâldwiid âldjiersjunsgefoel dêr't in foarm fan kulturele nostalgy by heart. Wy meitsje in balâns op om ús te oriïntearjen, op grûn fan in evaluaasje. Wat hat it tiidrek dat wy no ôfslute ús brocht, wêr komme wy wei, wêr gean wy hinne... en, nochterder: hoe waard der eartiids (bgl. yn it jier 1, 1000 of 1500) reagearre op ‘de nije tiid’? Kin men dêr patroanen yn ûntdekke? 2. De politike tsjinstelling progressyf-konservatyf, dy't de lêste fjirtich jier opgong makke, foarme oanlieding ta generalisaasjes en útwaaksen. De âlde ideologyen ha yntiid ôfdien. Oandacht foar it ferline is gjin rjochtse, âldmoadrige behâldsucht mear. It byld dat wy dwergen op 'e skouders fan reuzen binne, sprekt wer oan. De opfetting dat yn it hjoed en de takomst it ferline altyd meispilet, dat sûnder histoarysk bewustwêzen in kultuer net bestean kin, wurdt net mear lekke. 3. Psychologysk is der ek in ferklearring. Wy libje yn in tiid fan yndividualisearring. ‘Selsûntjouwing foar elke learling’ is it wichtichste doel fan it ûnderwiis. Minsken ferdjipje harren yn harsels en falle op harsels werom. Dêr komt út fuort it sykjen nei ‘identiteit’. Wy binne dwaande mei ús wêzen, net allinne as persoan, mar ek as lid fan in ferieniging, bewenner fan in buert, in doarp, in stêd, in lân. Yn in tiid fan globalisearring en fúzje (de Europeeske ienheid) sykje wy nei eigenheid. Wat ûnderskiedt en bynt ús (taal, tradysje, folksaard ensfh.)? ‘Lytse talen’ en lytse lannen warre har en sykje stipe yn it eigen ferline. 4. Wittenskiplike ûntjouwingen. De moderne wittenskip is rjochte op bewizen, oantoanen. ‘Mjitte is witte’ hjit it. ‘Undersyk hat oantoand...’. Foar de ferhâlding tusken skiedkunde en literatuer betsjut dizze tendins dat der mear en mear

Trotwaer. Jaargang 32 eksakte spesjalisaasjes ûntsteane. It boarne-ûndersyk (krityske ferliking, datearring

Trotwaer. Jaargang 32 475

en wurdearring), opkaam yn de njoggentjinde ieu nei de Romantyske mystifikaasjeweach, is sa'n spesjalisaasje. En tagelyk sjogge wy in ferskowing fan politike en kriichsskiednis nei sosjale en mentaliteitsskiednis, de oandacht foar de minske yn in tiidrek. It giet hjir om it ‘narrative’ diel, dat út syn aard al in soad gemien hat mei literatuer. Dat diel wurdt rjochte op, en ophongen oan, persoanen. Dus mear monografyen, biografyske, ‘vie romancée’-eftige beskriuwings, op grûn fan argyfûndersyk ensfh. 5. De lêste ferklearring (dy't net alhiel los stiet fan de fjirde) is it feit dat wy yn in ynformaasjekultuer libje. Ynternet makket alles oer de hiele wrâld tagonklik. Skiednis moat yn dat ljocht ‘iepenbierjend’ wêze, dingen oan it ljocht bringe, bearputten iepenje. Wat ‘doedestiids’ foar it each fan 'e wrâld ferburgen holden waard kin no buorkundich makke wurde, benammen dingen út de priveesfear, yntriges, nuveraardichheden en útwaaksen.

Tapast op de literatuer, wurdt de klam op de ‘feitlikheid’ fan it ferline, jimmeroan better fielber. Biografyen dogge it goed. Skriuwers as Frits van Oostrom (Maerlants wereld) krije in soad publisiteit, de hype fan Het Bureau fan J.J. Voskuil sit him fral yn de rekonstruksje op ynterminsklik mêd fan de deistige wurklikheid, de lof foar Thomas Rosenboom hat te krijen mei it werjaan fan historyske tema's, Hoe God verdween uit Jorwert en De eeuw van mijn vader fan Geart Mak ûntliene harren wurdearring oan de feitlike werkenberens. De zwarte met het witte hart van Arthur Japin is in moai foarbyld foar in iepenbiering fan njogentjinde-ieuske politike masinaasjes. As ik op grûn fan dy riddenaasje in pear skaaimerken foar de literatuer neame moat, soe ik gearfetsjend sizze: minder ‘roman’, mear ‘histoarie’ En wat mear detaillearre: 1. Realiteit. Ynstee fan op ‘romroftens’ is de histoaryske oandacht rjochte op it libben sels, it deistige bestean yn beskate kringen yn in beskaat tiidrek, ûntmytologisearring dus. 2. Persoanen. De klam leit op histoaryske persoanen en harren dwaan en litten, yn it iepenbier, mar fral yn de priveesfear. 3. Untjouwing. De psychologyske ynfalshoeke: ûntjouwing, identiteit en relaasjes, dus de fraach, hoe't immen komt ta syn stânpunten en dieden, is fan grut gewicht. 4. Ferifikaasje. Eksplisyt wurdt gebrûk makke fan autentyk materiaal (brieven, deiboekfragminten, juridyske stikken, tiidsdokuminten, ensfh.).

‘Realiteit’ en ‘ferifikaasje’ hingje fansels gear en ‘persoanen’ en ‘ûntjouwing’ ek. Lykwols, foar de (hiërargyske) nuansearring hâld ik it ûnderskied dochs mar oan.

2. Dy ferrekte papen fan Teije Brattinga

It is nijsgjirrich dat Teije Brattinga in kar makke hat foar in tiid dy't oant no ta net folle omtinken hie: de Reformaasje. Benammen foar Fryslân hat de sechtjinde ieu

Trotwaer. Jaargang 32 wichtich west. Nearne yn de noardlike Nederlannen wiene mear kleasters en tsjerken as yn dizze oarden. En yn minder as fyftich jier bruts de Herfoarming har baan. Soks gong fansels net sûnder stjit of slach. Noch altyd skynt it doarp dat foar Dy ferrekte papen de lokaasje foarmet, Greonterp (‘Grevingeterp’) krektlyk as it oanbuorjende Blauhûs, yn haadsaak katolyk te wêzen. It spanningsfjild foar in nijsgjirrich ferhaal is oanwêzich. En dêr komt by: godstsjinsttsjinstellings foarmje noch altiten - en faaks hjoed by útstek - aktueel wrâldnijs. In moaie kâns dus. ‘documentaire dramatique’ stiet, wat pronkerich, ûnder de titel. Neffens de efterflap om oan

Trotwaer. Jaargang 32 476 te jaan dat der ‘in knoarre dokumentaasje’ (docu) yn ferwurke is en it om ‘libbene minsken’ (drama) giet. Neffens my hie it begryp ‘histoaryske roman’ sawat itselde oanjûn (en noch in bytsje mear, nammentlik dat it ferhaal yn it ferline spilet), mar hawar: nije maaitiid, nij lûd.

De ynhâld

De roman giet oer de striid tusken Reformaasje en Kontrareformaasje yn Grevingeterp, in lyts doarp yn de Fryske Súdwesthoeke, twadde helte sechtjinde ieu. It (Ljouwerter) regear is grifformeard wurden en ferbiet de katoliken om langer harren tsjerketsjinsten te hâlden. Alles hat fansels altyd roomsk west, dy oergong nei ‘de nije lear’ wurdt it folk gewoan oplein. De Grevingeterpsters wolle, op in hantsjefol lju nei, net om lyk. De spjalt troch de doarpsmienskip wurdt ferpersoanlike troch twa manlju, Douwe Sjoerds Sennema, in heareboer mei in soad ynfloed (‘Dy spile hjir de baas.’ - sa ûnôfhinklik as de efterflap suggerearret binne dy Grevingeterpsters dus ek wer net) en Jelte Ysbrants, de koster-skoalmaster, de twiveler (dy't ynearsten it slachtoffer fan de represje wurdt). Dy spjalt set him troch yn harren soannen, Sjoerd Douwes en Ysbrant Jeltes. De earste giet nei de prysteroplieding yn Leuven, de oare nei de grifformearde Latynske skoalle yn Ljouwert. Om bar wurde yn de twadde helte de wederwarichheden fan de soannen beskreaun en sadwaande de foaroardielen en stereotipen dy't yn beide kampen, mar benammen by de grifformearden, foar master opslagge.

De dramatyk

Wat it dramatyske diel, de minsken en har noeden, oanbelanget, moat sein wurde dat de ferteltrant, benammen yn de petearen, smout mar oerflakkich is en de yntriizje simpel. Al rillegau is dúdlik dat de represje net útbliuwe sil. Op himsels hoecht dat net sa slim te wêzen. Ek yn in ‘fatalitysk’ ramt kin noch genôch dramatyk oanwêzich wêze. Dat dy te min fielber is, komt neffens my fral troch it ûntbrekken fan in sterke identifikaasjefiguer. Douwe en Jelte komme psychologysk te min út 'e ferve, harren soannen steane te folle bûten it ferhaal en libje yn in (njoggentjinde-ieusk oandwaand) romantysk wrâldsje fan argeleazens. Sa lêze wy bygelyks hoe't Sjoerd troch Ysbrant seksueel foarljochte wurdt (s. 286):

‘Hasto it al hân?’ freget Ysbrant dan. ‘Wat hân?’ ‘No, dat it sie der kommen is.’ ‘Sie?’ ‘Ja, fan dat grize focht, dêr befruchtet in man in frou mei en dy krijt dan in bern, soms.’ ‘Neamme se dat sie?’ ‘Wolst it deftich sizze, dan hjit it sperma.’ ‘O,’ seit Sjoerd.

Trotwaer. Jaargang 32 Dy jonges binne in jier as fyftjin en libje yn in kultuer dêr't soks net yn it ferburgene bart. Sa nayf wurde se ek presintearre bygelyks mei it yn kontakt kommen mei de dea, it net witten wat huorren binne en derfan ophearre dat in tsjerke regels hat. In oar swak stee is de didaktysk-moralistyske toan. Mei de yntroduksje fan Sjoerd yn de roomske lear (en it ûnderskied mei de grifformearde) wurdt ek de lêzer ûnderwiisd, lykas yn kwestjes as de liturgy, de sakraminten, de dracht fan de pryster en tsjerklike feestdagen. Faak wurdt, as it perspektyf by ien fan de jonges leit, de styl ynfantilisearjend: ‘Hear Hidde [...] lies in stik foar út it lêste boek fan 'e bibel, de Apocalyps fan Jehannes hjitte dat.’ en: ‘De jûns fan de twadde novimber waard der altyd in aparte tsjinst holden, in vesper neamde

Trotwaer. Jaargang 32 477 hear Hidde dat.’ Fan dy foarm bin foarbylden by de rûs. Sa bringt de auteur syn eftergrûnynformaasje foar de lêzer beside yn it ûnderwiis foar de bern.

De dokumintaasje

Dêrmei sit ik op de ‘knoarre dokumentaasje’. It wol my wol oan dat Brattinga in soad ‘research’ dien hat om yngong te krijen ta de sechtjinde ieu, de reformaasje en hoe't soks útwurke op, en belibbe waard yn, in lyts Frysk doarp. Hy sitearret mear as ien kear út tiidsdokuminten, lit autintike lieten sjonge, wy komme Luther, Columbus, Alva tsjin, de Heidelbergse Kategismus, it blokhûs yn Ljouwert, en neam mar op. En dochs is it grutste diel fan de ‘dokumintaasje’ in ynlieding yn de roomske tsjerkebrûkmen. Nijsgjirrich, op himsels, mar folslein bûten de hannelingsoarder. De dwersens fan de Grevingeterpsters hat neat te krijen mei teology, heechút mei besteande machtsferhâldingen. It is dus ek gjin ûnôfhinklikens. It is (troch in doarpslieder) oplein ferset. De foarskiednis fan 'e ferfolgings, de brânsteapels, de folteringen troch de Ynkwisysje en de betizing fan religy en steat (bgl. de Tachtichjierrige Oarloch dy't yn 1568 begjint, en dy't de gearhing fan tsjerklike en politike tsjinstellings fansels bepaalt) komme te min oan 'e oarder. It liket as soe sprake wêze fan willekeur út Ljouwert wei (De Uny fan Utert wurdt wol neamd mar te min taljochte). Dêr komt by, de Reformaasje hie ek in maatskiplike kant: it folk waard emansipearre, en de geastlikheid, mar fral ek de adel en eigenierden (dêr't Douwe Sennema in fertsjintwurdiger fan is) ferlieze har macht oer de doarpsmienskippen. Dy kant fan it ferhaal ûntbrekt ek. Koart sein: de foarstelling fan saken is te simplistysk, der is te min ramt. Pastoar Hear Hidde is in sintrale figuer, mar wurdt dochs (foar my) net oertsjûgjend foar it ljocht helle. Wylst er dúdlik ynhouten hat, liket er yn syn hanneljen de opportunistyske kant it neist. Hy kiest foar de nije lear, ferlit it doarp en bliuwt op ôfstân. Dat er sa'n bytsje ynfloed op syn parochianen hat, wylst elts mei him fuortrint, is op syn minst nuver. De bêste ferklearring is neffens my, dat net de geastlike, mar de wrâldske macht (yn de figuer fan Sennema) it yn Grevingeterp noch foar it sizzen hat, sa't dat yn 'e Midsieuwen (oan sawat 1500 ta) op it Fryske plattelân oeral it gefal wie. In dragende figuer ûntbrekt. De lêzer moat him, troch it personale perspektyf, efterinoar mei te folle útienrinnende persoanen identifisearje, de haadstikken oer Sjoerd en Ysbrant liede ôf en boppedat klinkt faak it lûd fan de alwittende ferteller. Sadwaande nimt de lêzer ôfstân. Dat is û.o. ek de reden dat de ôfrin (op my) oerkomt as in ôfgong ynstee fan in dramatyske klimaks.

De skaaimerken

Werom nei de ûnderstelde skaaimerken fan de hjoeddeiske histoaryske roman:

Trotwaer. Jaargang 32 1. Realiteit. Klam op it deistich bestean ynstee fan romroftens. Dat is hjir dúdlik oan 'e oarder. De doarpsmienskip is ûnderwerp, it regear en figueren út 'e hegerein bliuwe op 'e eftergrûn en wurde as fijannich sketst. 2. Persoan. Histoaryske persoanen en harren dwaan en litten. Mooglik binne de heareboer, de skoalmaster-koster, de pastoar en oaren wol inte op histoaryske persoanen. Mar se krije gjin fleis en bloed, en benammen gjin djipgong. 3. Untjouwing. Psychologyske ynfalshoeke (ûntjouwing). It folgjen fan de persoanlike ûntjouwing bliuwt bûtenkantwurk. Oanstriid en motiven komme amperoan foar it ljocht. 4. Ferifikaasje. Autentyk materiaal. Dat komt yn

Trotwaer. Jaargang 32 478

dizze roman rynsk nei foaren. Yn bibel-, rjochts-, liet-, striid- en preekteksten krijt de lêzer priuwkes tatsjinne fan tiidsdokuminten. Yn ferhâlding fyn ik it wat oerdiedich.

Yn dizze roman is it mei it earste en fjirde skaaimerk dus aardich yn oarder. Yn dy sin is it neffens my in foarbyld fan in moderne histoaryske roman. It twadde, de histoaryske haadfigueren, en it tredde, de psychologyske en relaasjekant, komme oan 'e krapper ein. En dochs is myn grutste beswier: in tekoart oan gearhing fan hanneling. Dat is in romantechnysk tekoart dat neat út te stean hat mei de skaaimerken foar, of easken oan, it sjenre. De ynformaasje op it efterkaft beslút mei: ‘It is in prachtich ferhaal wurden oer echte minsken, it lêst as in trein, en it is allinne mar spitich dat it doarp op it lêst yn 'e brân fljucht: men is nijsgjirrich wurden hoe't it mei de minsken giet. Se binne eigen wurden. Mar mei de brân is it ôfrûn.’ Sa'n útspraak is fansels net as krityk bedoeld. Dochs is er typearjend. Mei de brân is it yndied ôfrûn. En dat komt om't de minsken net wier genôch makke wurde om de ôfrin te oerlibjen. Dat is spitich.

Skriuwe en net achteromsjen? (2)

Wie een hedendaagse roman wil lezen, moet niet bij onze schrijvers zijn, want die kijken alleen maar achterom. (Herman Stevens, NRC Handelsblad 5/8/00)

De útspraak fan Herman Stevens hat neffens my te krijen mei de beskate mjitte fan heechmoedigens dêr't alle skriuwers lêst fan ha. Ek no wer wurdt de grutte rol fan de lêzer yn it hiele proses dat men mei in boek oangiet, ûnderskatten. It binne ommers benammen de mooglikheden en de langstmen fan de lêzer dy't meitsje dat de betsjutting fan de tekst gâns útwreide wurdt. Op it stuit dat dy lêzer de konfrontaasje oangiet, kin er wurden transformearje ta in boadskip dy't histoarysk sjoen neat (mear) te krijen hat mei de tekst sels of mei syn auteur. Sa'n transmigraasje fan betsjutting kin in tekst ferromje òf ferearmje, mar altyd wurdt in boek mei besiele troch de omstannichheden fan de lêzer. Om't dy in libben lang feroaret, feroaret it boek mei. Trouwens, skriuwen soe wolris per definysje omsjen wêze kinne, ‘om't in minske syn eigen tiid gauris ferkeard sjocht’, sa't P.F. Thomése seit yn syn artikel ‘Hoe te schrijven’ (Trouw, 27 oktober 2000). ‘Hûndert jier letter sjogge je folslein oars tsjin de saken oan.’ Stevens ferjit dat lêzen kumulatyf is: je kinne hieltyd wat betters, wat dregers fertarre. Dêrmei soe it in ramp wêze as in lêzer feroardiele waard ta allinnich mar romans oer wat de platwâde wrâld him troch-den-dei ek al te bieden hat: de open arbeidsmarkt, welvaart voor iedereen (enz.) en snelle reizen naar alle uithoeken van de planeet... Harrekrammele, ik soe dalik ophâlde mei lêzen en séker mei skriuwen. Marga Claus

Trotwaer. Jaargang 32 Trotwaer. Jaargang 32 479

W.G. van de Hulst revisited Sjoerd Bottema

Sjoerd Kuyper, Robin en God. Mei yllustraasjes fan Sandra Klaassen, oerset yn it Frysk troch Hylkje Goïnga. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 103 siden. f 27,50.

As Robin op in heldere winterjûn foar it rút stiet, sjocht er in hiel heldere stjer, grutter en helderder as alle oare stjerren en hy is der ynienen wis fan: dêr wennet God. Sa wis is er net altyd. Hy hat in soad fragen oer God. Dêr hoecht er by syn heit en mem net mei oan te kommen, want dy leauwe net. Lokkich binne pake en beppe by harren útfanhûs. Pake leaut wol yn God en sa is der dochs ien by wa't Robin mei syn fragen terjochte kin.

Yn it haadstik ‘Poeier’ giet Robin mei pake nei it krystfeest yn 'e tsjerke. De bern fan 'e sneinsskoalle krije nei ôfrin in sinesappel en in boek. Dat it om in Okkie Pepernoot boek giet, seit faaks wat oer de tiid dêr't it ferhaal him yn ôfspilet. Ek it sizzen fan de skriuwer dat er yn de Robin-searje foar in part oantinkens út syn eigen bernetiid ferwurke hat, is in oanwizing. Sjoerd Kuyper is fan 1952, Robin skat ik op in jier as sân, dat bringt ús oan 'e ein fan de jierren fyftich of it begjin fan de jierren sechstich, mar sa't elk dy't dy tiid meimakke hat, wol wit, sitte we ek dan noch folop yn de jierren fyftich en begjinne de jierren sechstich pas nei 1965. De Okkie Pepernoot boeken fan Leonard Roggeveen binne foar it grutste part skreaun tusken 1930 en 1950. Dy boekjes ha fansels etlike werprintingen belibbe, dus ha noch oant fier nei 1950 te krijen west, mar de ‘révolúsje’ fan de roaring sixties ha se grif net oerlibbe. De kombinaasje fan boppesteande gegevens liedt dus ta de konklúzje dat de Robin-searje him ôfspilet yn de jierren fyftich. Dy yndruk krije je oars net fuortendaliks. De losse, boartlike trant fan de yllustraasjes stiet fier ôf fan it sekuere en wat stive realisme dat karakteristyk is foar de measte boeke-yllustraasjes út de jierren fyftich. En it feit dat Robin mei syn mem nij de stêd giet om nije sportskuon, is ek net fan dy tiid. It Okkie Pepernoot boek komt dan suver oer as in anagronisme. Hoe dan ek, it krystfeest fan sneinsskoalle en it presintsje nei ôfrin, skodde it slomjend jeugdsentimint yn my hielendal wekker. Okkie Pepernoot, ja datsoarte boekjes krigen wy dan kado. Of Daantje, fan deselde Leonard Roggeveen. Mar noch populêrder wie it wurk fan in oar kanon ûnder de sneinsskoalleboekje-auteurs: W.G. van de Hulst. Van de boze koster, herinnerje ik my as ien fan dy boekegeskinken. Van de Hulst mocht it graach ha oer sike berntsjes dy't troch sûne berntsjes treaste waarden, ûnaardige minsken dy't by einbeslút sa min noch net wiene, of ferdwaalde bern dy't nei har eangstich aventoer de waarmte fan de feilige thúshaven namste mear wisten te wurdearjen. It dekor wie idyllysk en yn de himel wie de Hear, waans help ynroppen waard op spannende mominten en oer waans Leafde en Almacht oan 'e ein fan it ferhaal, thús by heit en mem en de kachel, ynmoedich en tankber neipraat waard. Fandatoangeande binne de oerienkomsten tusken Van de Hulst en Kuyper trouwens opfallend. Robin syn ‘thússitewaasje’ slút hielendal

Trotwaer. Jaargang 32 480 oan by de Van de Hulst-tradysje, smûk en feilich: hy hat in aardige heit en mem, dy't beide noch altyd foar de earste kear en lokkich troud binne, pake en beppe binne tichteby, want by harren útfanhûs, beppe is bêst genôch en pake, dat is de alderleafste pake fan 'e wrâld. It dekor is lykas by Van de Hulst idyllysk: Robin wennet op in doarp en se belibje dêr in wite kryst. En Us Leave Hear is suver fan begjin oant ein oanwêzich yn de prakkesaasjes fan Robin en syn petearen mei pake. Van de Hulst revisited. Der binne fansels ek grutte ferskillen. In pear sitaten - sûnder kommentaar, want se sprekke foar harsels - om dat te demonstrearjen:

‘Jim tochten: Net ien sjocht it!... Mar der wie wol ien dy't it seach... Witte jim wol, Hwa?’ ‘Jawol, mem,’ seit Anneke súntsjes. En Nynke knikt ek... ‘Jawol, mem.’ (W.G. van de Hulst, Kareltje, yn de Fryske bewurking fan A. Kuiken)

Ze knielen voor hun bedje neer. Dikkie zegt zacht: ‘Moes, wij gingen in het bos óók bidden.’ Moeder knikt. Er is blijheid in haar ogen. Ze zegt: ‘Dat is héél goed hoor! De lieve Heer ziet alles. Hij zag jullie ook in het eenzame bos. Hij zorgt voor ons allemaal... (W.G. van de Hulst, Het huisje in de sneeuw)

‘It is krekt ast opbellest,’ seit pake. ‘As ik oer in skoftke wer yn 'e grutte stêd bin, dan kin ik dy net sjen en ek net hearre. Mar ast my dan opbellest, dan kin ik dy wól hearre! Sa is it mei God ek. En it leuke fan God is, hy is altyd thús.... Mar hy kin dy net sjen. Want asto my opbellest, kin ik dy ek net sjen.’ (Sjoerd Kuyper, Robin en God) God was overal, ook op de eenzame plassen. En buiten 's Heren wil geschiedde er niets, viel er geen musje ter aarde. (W.G. van de Hulst, Zo'n vreemde jongen)

Se geane wer by de tafel sitten en heit fertelt in mop: ‘Der kaam in man by de doomny en dy man frege: “Doomny, kin God alles?” “Ja,” sei de doomny. “God kin alles.” “Kin hy dan ek,” frege de man, “in stien meitsje dy't sá swier is dat hy him sels net optille kin?” “Fansels kin God dat,” sei de doomny. “Ha!” sei de man, “dan kin God doch net alles!” “Wat kin hy dan net?” frege de doomny. “Dy stien optille!” sei de man. (Sjoerd Kuyper, Robin en God)

By Van de Hulst is it leauwe folslein. Heal of in bytsje yn God leauwe, soms wol soms net, dat is der net by en dat smyt ek neat op:

Trotwaer. Jaargang 32 ...alle mensen die Hem liefhebben, en op Hem vertrouwen, hélemaal, al die mensen en die kinderen mogen eenmaal bij Hem komen in de hemel... [kursivearring fan my] (W.G van de Hulst, Zo'n vreemde jongen)

Robin syn pake, de iennichste mei wa't er oer God prate kin, is lykwols sa'nien dy't ‘heal’ yn God leaut:

‘Leave jonge,’ seit er, ‘do moatst net safolle oer God prakkeseare. Miskien hat jim heit ek wol écht gelyk en bestiet God hielendal net.’ ‘Mar do leaust doch yn God!’ ‘Ja,’ seit pake, ‘mar ik bin der net hielendal wís fan dat er bestiet. Ik soe it allinne sa fijn fine dat er bestie...’

By Van de Hulst komt it mar hiel inkeld foar dat

Trotwaer. Jaargang 32 481 immen twivelt en dan is it ek mar foar hiel even:

O, 't zou zo vreselijk zijn, zo verschrikkelijk, als Hans was verongelukt, om dan nòg, nòg te vertrouwen en te geloven dat God àlle wegen, de lichte en de vrolijke, maar ook de donkere en verdrietige wegen van de mensen leidt. En tòch, vader wilde zich wel buigen onder Gods bestiering. ‘Uw wil geschiede!’ bad hij zacht. (W.G. van de Hulst, Zo'n vreemde jongen)

Kuyper ridikulisearret dat gegeven - it leauwe dat wankelt ûnder tsjinslach - prachtich yn it haadstik ‘Tomme’. Pake is oan it timmerjen en slacht himsels op 'e tomme. Hy flokt der by dat it davert. Robin heart en sjocht it.

‘Pake,’ freget Robin, ‘leausto yn God?’ ‘Net as ik my op de tomme slaan,’ seit pake mei de mûle fol.

Eins binne it de grutte fragen nei de oarsprong en it doel fan de skepping. Bestiet der in God? En as dat sa is, wat is dat dan foar God? Wat hat er mei ús foar? It komt net faak foar dat in berneboek it weaget sa djip te dollen as Kuyper yn dit boek besiket. ‘Fanselssprekkend en boartlik wurdt it bernlike leauwen fan Robin en syn pake beskreaun,’ docht de flaptekst ús te witten en dat is diskear neat tefolle sein. Fanselssprekkend en boartlik dus, sûnder dreech filosofearjen of moralistysk preekjen, in ‘frijsinnige’, relativearjende benadering, dêr't de antwurden net by fêststeane en dy't romte jout foar ferskil fan miening. Kuyper is deryn slagge, sûnder oerflakkich te wurden, it leadswiere ûnderwerp te behanneljen mei humor en faasje, op in wize dy't it foar bern begryplik hâldt en net allinne harren mar ek folwoeksenen oansprekke sil. It Frysk fan Hylkje Goïnga is, lykas har eigen proaza, nofteren en sûnder poeha, lichtfuottich en lakonyk, libben en natuerlik, sûnder dat it al te frijsinnich wurdt. It bliuwt fansels sa no en dan in kwestje fan skipperjen, fan lavearjen tusken heger en leger wâl, tusken ‘heech Frysk’ en ‘plat Frysk’ en derby steane de bêste stjoerlju altyd oan 'e kant te kritikasterjen. Sa is it my opfallen dat in ‘Sjinees’ by Hylkje Goïnga in ‘Sinees’ is dy't út ‘Sina’ komt ynstee fan ‘Sjina’. It is tige rjochtsinnich om dy j fuort te litten, in Sinees út Sina, dat is sa geef Frysk as it mar kin, heech-Frysk, dat op my lykwols nochal plat oerkomt. Mar it oare uterste, dat Robin ‘snikt’ is fansels, dêr't ik sa'n wurd om sis, ek bedroevend. Soms komme de beide soarten, frijsinnich Frysk en rjochtsinnich Frysk, neist inoar foar. Sa wurdt Robin ‘boas’ wylst syn mem ‘lilk’ bliuwt. Soe dat in kwestje fan leeftyd wêze?

Yn it lêste haadstik steane Robin en pake foar it rút fan Robin syn sliepkeamer nei de stjerren te sjen. Pake fertelt Robin in geheim: doe't Robin syn heit noch sa'n jonkje wie, doe stiene se ek in kear foar it rút, Robin syn heit en pake, en doe wiisde Robin syn heit in grutte heldere stjer oan.

Ja, ik wit fansels net mear sa presiis hókke stjer as it wie, mar hy wie grutter en helderder as alle oare stjerren...’

Trotwaer. Jaargang 32 Robin hâldt de siken yn. Hy, ja hy, wit presiis hokker stjer as it wie. Hy wol! ‘Wy stiene dêr,’ seit pake, ‘en jim heit wiisde dy grutte heldere stjer oan, en hy sei: “Dêr wennet God....”’

En doe moast ik alwer oan Van de Hulst tinke. Kuyper skriuwt oer it generaal lakonyk en nofteren, Van de Hulst mei klam en emosjoneel, mei in soad werhellings, útroptekens en stip-

Trotwaer. Jaargang 32 482 kes... Ien sin yn boppesteand sitaat lykwols sjongt it út as hie W.G. van de Hulst it sels betocht: ‘Hy, ja hy, wit presiis hokker stjer as it wie. Hy wol!’ Dan binne we hast oan 'e ein fan it boek. Robin wiist pake de stjer dy't heit grif bedoeld hat. De stjer dêr't God wennet. En dan steane se tegearre noch even nei bûten te sjen:

... nei de moanne en de stjerren yn de hege nacht, en nei dy iene grutte, heldere stjer, dy't mei syn prachtich ljocht oer alle dingen skynt.

It boek is út, krystklokjes klingelje, in belslide tinkelt troch de snie, en fiert my werom nei Het huisje in de sneeuw, 21e druk, 220e-231e duizendtal, út de searje Voor onze kleinen, nei de lêste side, de lêste alinea, de lêste sin:

En dan is opeens de wijde, witte wereld van zilver... Zo mooi! Zó mooi!...

Skriuwe en net achteromsjen? (3)

Wie een hedendaagse roman wil lezen, moet niet bij onze schrijvers zijn, want die kijken alleen maar achterom. (Herman Stevens, NRC Handelsblad 5/8/00)

In 1925 sei Menno ter Braak dat ut met de roman alle kanten opgong, behalve de goeie. Herman Stevens befynt sich dus in goed geselskap. Ik sú trouwes nyt wete wat un hedendaagse roman is. Mut soa'n roman gaan over junks, de konsument, sinloas geweld, poldermodel, housemúzyk, mobyltsjes, privatisearing of de hogere hotelskoal? Dat lykt my earder un fòrm fan trivialisearing. De laaste eigentydse romans binne skreven deur skrievers dy't un skerp oog hadden foar de ferdwining fan de burgerleke klasse: mar dy hadden dan oek un echt tema te pakken. We mutte mar gewoan geniete fan goed skreven ferhalen en de eigentydse saken op internet bekike of in kranten en tydskriften leze. D'r is trouwes wel un romanfòrm dy't eigentyds is: de misdaadroman. Begonnen met gentlemaninbreker Lord Lister in ut mondaine Europa, fia de hardboiled detective in ut korrupte Amerika, spionaazjeferhalen in 'e kouwe oarloch en de maatskappijkritise observaasjes fan Sjöwall en Wahloo, is-y nou anland bij hedendaagse saken as advokate- en rechtbankthrillers, searymoardenaars en andeleswendel. Sien ut gewetenloaze karakter fan de misdaad speult de misdaadroman nou eenkear wat makkeleker in op de aktualiteit as de klassike roman met syn tema's as liefde, doad en ut meensleke tekòrt.

Pieter van den Berg

Trotwaer. Jaargang 32 483

Spegel fan it magysk-mytysk universum Babs Gezelle Meerburg

Jurjen van der Kooi, De nachtmerje fan Rawier. Fryske sêgen oer it boppenatuerlike. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 320 siden. f 42,50.

Meie folksferhalen behoffene wurde en dus moaier neiferteld as se earder wiene of is it better om de ynhâld fan de ferhalen nei de eftergrûn te skowen en se sa krekt mooglik, dus mei eventuele lekken en brekken fan de oarspronklike ferteller, wer te jaan? Dat liket my in nijsgjirrich diskusjepunt nei oanlieding fan it ferskinen fan Jurjen van der Kooi syn nij sêgeboek De nachtmerje fan Rawier. Fryske sêgen oer it boppenatuerlike. Hy keas, oars as Mindert Wynstra yn It kweade wiif fan Hylpen (1997), foar in wittenskiplike edysje.

Twaddehâns

In twaddehâns stim is better as hielendal gjin stim, skriuwt Van der Kooi yn syn neiwurd. Hy kin net oars as him basearje op it wurk fan eardere samlers en publisisten, ek al is er dêr net hûndert persint tefreden mei. Samlers fan eardere tiden soene de oarspronklike fertellers trochstrings minder yn harren wearde litten hawwe as lettere en yngrypt hawwe yn de fertelwize en de taal. Troch de seleksje, dy't folkskundich ynteressearren foar him makken, mist Van der Kooi beskate (parten fan) ferhalen, dy't er stommegraach ta syn beskikking hawwe wollen hie foar ûndersyk nei bygelyks de fertelwize. Yn it neiwurd weeft Van der Kooi fierder ôf mei bekende foaroardielen oer folksferhalen, bygelyks oer it o sa âlde folksferhaal. Dat leit per ferhaal wer oars, skriuwt er. Der besteane ferhalen, dy't tûzenen jierren âld binne, mar ek hiel nije. Elk ferhaal hat syn eigen skiednis fan tiid en romtelike fersprieding. Oanslutend op myn oertsjûging dat op dizze wrâld oarspronklikens fier te sykjen is en elkenien ‘inkeld’ sa'n ‘twaddehâns stim’ ta syn foldwaan hat, freegje ik my ôf, wêrom't Van der Kooi yn it neiwurd literêre en popularisearre neifertellingen min-ofte-mear liket te diskwalifisearjen foar folkskundich ûndersyk. Neffens my binne oarspronklike teltsjes en literêr-populêr bewurkingen net tsjinstelden, mar twa kanten fan deselde medalje. Ferfoarming troch ferskowing en fertichting heart per definysje by fertellen en trochfertellen. En wêrom soe it slim wêze as in folksferhaal behoffene wurdt en oanpast oan de winsken fan auteur en publyk? De ferkeapsifers meitsje dúdlik, dat in wittenskiplike útjefte as fan Van der Kooi én in populêr-wittenskiplike edysje mei ‘neifertellingen’ as dy fan Wynstra beide prima ferkeapje. De trochsneedlêzer is gek op lapekoerferhalen, want dy binne âld en wurde de hiele wrâld oer ferteld. Ik begryp Van der Kooi syn problemen by it sammeljen wol, mar freegje my tagelyk ôf, oft it net de dea yn de pot foar de libbene fertelskat betsjut as folksferhalen net op in eigen wize literêr ferarbeide of op in populêre manier oan de man brocht wurde.

Trotwaer. Jaargang 32 484

Stabyl en yn beweging

Dat nimt net wei dat ik De nachtmerje fan Rawier mei in hiel soad nocht lêzen ha. It soe prachtich wêze as Van der Kooi nei syn suksessen yn Dútslân, dêr't al in protte samlingen en skôgingen fan him ferskynden en dêr't er yn 1997 de Märchenpriis fan de Walter-Kahn-stifting foar krige, komme soe mei mear publikaasjes yn Nederlân. Ek soe it tige nijsgjirrich wêze as er nei al syn ynventarisearjend wurk it aksint ferlizze soe op de letterkundige ynterpretaasje fan folksferhalen en syn ljocht skine litte soe oer de eftergrûnen fan fertellen en oer de ûnbewuste eangsten en fantasyen fan folksfertellers, -harkers en -samlers. De nachtmerje fan Rawier is ôfwikseljend en boeiend en publyksfreonlik. De bondel jout, lykas Van der Kooi yn syn neiwurd taseit, ynsjoch yn it magysk-mytysk-religieus universum fan in hypotetyske, gewoane, net-gelearde Fries om 1900 hinne oant yn ús tiid ta. De sêgen geane oer spoeken, demoanen, ferkeard folk, tuskenbeiden folk, goed folk, it alter ego, gods finger en de takomst. Se binne earnstich en foar wier ferteld mei in bysûndere ferdieling tusken religy en folksleauwe. De woartels fan it folksleauwe lizze gauris yn wittenskiplike ynsjoggen dy't ferâldere binne en yn it kristlik leauwe, mei't eleminten dy't yn de offisjele lear fan de tsjerken net mear gongber binne, noch wol troch de sêgeferteller leaud wurde. De grinzen tusken wittenskip, religy en folksleauwe binne yn sêgen net krekt te skieden en ferskowe hieltiten wer. Tink bygelyks mar oan de duvel en de hel, dy't al út de measte, mar noch net út alle tsjerken ferballe binne. De sêgen litte Van der Kooi syn gelyk sjen as er seit dat it mytysk-magyske wrâldbyld fan sis mar hûndert jier lyn yn ús tiid noch net weiwurden is, mar in oare ynhâld krigen hat. It ferlet fan leauwen en byleauwen is mei it leechrinnen fan de tsjerken en de rasjonalisearring fan ús maatskippij net minder wurden. As âlde bylden net mear foldogge, dan sykje de minsken nije ynhâlden. Sa is de duvelbanner, dy't by de Halbertsma's yn de njoggentjinde ieu in promininte rol spilet, yn de tweintichste ieu mear en mear ferfongen troch de wûnderdokter en wurdt it plak fan beskermingels tsjintwurdich ynnommen troch ‘goede’ heksen lykas Jomanda. Nijsgjirrich is ek dat motiven út oare kultueren yn ús fertelskat komme. It folksleauwe is tagelyk stabyl en yn beweging. Op basis fan syn samle sêgen komt Van der Kooi ta de útspraak: ‘De wrâld feroaret wol, de minsken amper.’ Hy soarget dat folksferhalen yn alle ‘puerens’, dy't typysk skynt te wêzen foar de stim fan it folk, bewarre bliuwe en tagonklik binne foar wittenskiplik ûndersyk. Nei't ik ferwachtsje, draacht dit boek krekt as syn literêre en populêre broerkes by oan in libbene Fryske fertelkultuer yn de wrâld fan de takomst.

Trotwaer. Jaargang 32 485

In prachtdei foar bananefisk J.D. Salinger oersetting Sikke Doele

Der wiene sânennjoggentich reklamemannen út New York yn it hotel en dy leine sa'n beslach op de ynterlokale ferbiningen, dat it famke yn keamer 507 fan tolven oant healwei trijen wachtsje moast foar't se der troch komme koe. Mar se hie har tiid net fergriemd. Se hie in artikel lêzen yn in bûsformaat frouljusblêd, ‘Seks is wille - of ellinde’. Se hie har kaam en boarstel skjinmakke. Se hie it plak út de rok fan har beige pakje helle. Se hie de knoop fersetten op de blûze dy't se by Saks kocht hie. Mei de pinset hie se twa nije hierren, dy't út har pûkel opkommen wiene, útlutsen. Doe't de telefoniste einlings har keamer skille, siet se yn it finsterbank en wie hast klear mei it lakken fan de neils fan har lofterhân. It wie sa'n fanke, dat gjin stap ekstra fersette soe omdat de telefoan gyng. Se hie it air oft de telefoan oanienwei rinkele hie sûnt se yn de puberteit oanbelanne wie. Mei it kwastke striek se, wylst de telefoan trochrinkele, oer de neil fan har pink en aksintuearre it heale moantsje. Dêrnei draaide se de dop wer op it lakfleske, kaam oerein en wappere mei de lofterhân - de wiete - troch de loft. Mei har droege hân pakte se in grôtfolle jiskebak fan it finsterbank en naam him mei nei it nachtkastke dêr't de telefoan op stie. Se gyng sitten op ien fan de twa opmakke bêden en - hy rinkele no al foar de fyfte of sechste kear - naam de hoarn op. ‘Hallo,’ sei se, wylst se de fingers fan de lofterhân foarútstiek, by har wytsiden peignoir wei - mear hie se net oan útsein har slippers - har ringen leine yn de badkeamer. ‘Ik haw jo petear mei New York hjir, mefrou Glass,’ sei de telefoniste. ‘Tanke,’ sei it famke en makke op it nachkastke in plakje frij foar de jiskebak. Der klonk in frouljusstimme. ‘Muriel? Bisto dat?’ It famke draaide de hoarn wat fan it ear ôf. ‘Ja, mem. Hoe giet it?’ sei se. ‘Ik meitsje my freeslik ûngerêst om dy. Wêrom hast net skille? Giet it goed mei dy?’ ‘Ik haw justerjûn en earjusterjûn besocht om mem te berikken. De telefoan hjir wie -’ ‘Giet it goed mei dy, Muriel?’ It famke fergrutte de ôfstân tusken de hoarn en har ear. ‘Mei my giet it goed. Ik haw it smoarhyt. It wie de hytste dei yn Florida sûnt -’ ‘Wêrom hast my net skille? Ik meitsje my soargen om -’ ‘Mem, leave, raas net sa. Ik hear mem prima,’ sei it famke, ‘ik haw twa kear belle fannacht. Ien kear krekt nei -’

Trotwaer. Jaargang 32 486

‘Ik hie dyn heit noch sa sein datst justerjûn wolris skilje koest - Giet it goed mei dy, Muriel? Sis de wierheid.’ ‘'t Giet goed. Hâld op mei dy fragen.’ ‘Wannear binne jimme oankommen?’ ‘'k Wit net. Woansdeitemoarn, betiid.’ ‘Wa hat riden?’ ‘Hy,’ sei it famke, ‘en wyn dy net op. Hy ried hiel goed. Ik stie der fersteld fan.’ ‘Hat hy riden? Muriel, do hiest my beloofd dat -’ ‘Mem,’ ûnderbriek it famke har, ‘ik sei krekt, hy ried hiel kalm. Under de tachtich de hiele tiid, as mem it witte wol.’ ‘Hat er noch besocht mâle grappen út te heljen mei de beammen?’ ‘Ik sei ommers dat er tige goed ried, mem. Mem, asjeblyft. Ik haw him frege ticht by de middenstreek te bliuwen en sa, en hy hie troch wêr't ik op doelde, en hy die it. Hy besocht sels om net iens nei de beammen te sjen, dus gean mar nei. Trouwens, hat heit de auto noch meitsje litten?’ ‘Noch net. Se wolle fjouwerhûndert dollar ha, allinne mar om -’ ‘Mem, Seymour hat heit beloofd dat er it betelje soe. Der is gjin inkelde reden om -’ ‘No, wy sjogge wol. Hoe hat er him hâlden - yn de auto en sa?’ ‘Goed,’ sei it famke. ‘Neamt er dy noch hieltyd dy aaklige -’ ‘Nee. Hy hat no wat nijs.’ ‘Wat?’ ‘Ach, wat makket dat no út, mem?’ ‘Muriel, ik wol it witte. Dyn heit -’ ‘Okee, okee. Hy neamt my Miss Geastlike Slet 1948,’ sei it famke en gychele. ‘Dat is net grappich, Muriel. Hielendal net grappich. It is freeslik. Tryst, eigentlik. As ik der oan tink hoe't -’ ‘Mem,’ ûnderbriek it famke har, ‘harkje no ris nei my. Wit mem noch dat boek dat er my út Dútslân wei stjoerd hat? Mem wit wol - dy Dútske gedichten. Wêr haw ik dat dochs litten? Ik haw alles oeral -’ ‘Do hast it.’ ‘Is mem dêr wis fan?’ sei it famke. ‘Hiel wis. Dat wol sizze, ik haw it boek hjirre. It leit yn Freddy syn keamer. Do hast it hjir lizze litten en ik hie der gjin plak foar yn de -Hoesa? Wol er it ha?’ ‘Nee. Allinne - hy frege my der nei, doe't wy hjirhinne rieden. Hy woe witte oft ik it lêzen hie.’ ‘It is yn it Dútsk!’ ‘Ja, skat. Dat makket neat út,’ sei it famke, wylst se de knibbels oerelkoar sloech. ‘Hy sei dat de gedichten tafallich wol skreaun wiene troch de iennichste grutte dichter fan dizze ieu. Hy sei dat ik in oersetting of sa keapje moatten

Trotwaer. Jaargang 32 487 hie. Of de taal leare moatten hie, nota bene.’ ‘Freeslik. Freeslik. Eigentlik is it tryst, sa is it. Dyn heit sei justerjûn -’ ‘Momint, mem,’ sei it famke. Se rûn nei it finster om in sigaret, stiek him op en gyng wer op bêd sitten. ‘Mem?’ sei se wylst se de reek útblaasde. ‘Muriel. Harkje noris nei my.’ ‘Ik harkje.’ ‘Dyn heit hat mei dokter Sivetski praat.’ ‘O?’ sei it famke. ‘Hy hat him alles ferteld. Teminsten, hy seit dat er dat dien hat - do kenst dyn heit. De beammen. Dat gedoch mei it finster. De ôfgryslike dingen dy't er tsjin beppe sei, doe't se fertelde wat der barre moast as se te ferstjerren kaam. Wat er mei al dy moaie foto's fan Bermuda dien hat - alles.’ ‘En?’ sei it famke. ‘No, alderearst hat er sein dat it echt misdiedich is dat it leger him út it sikehûs ûntslein hat - echt wier. Hy hat dyn heit hiel dúdlik sein dat der kâns op is - in hiel grutte kâns - dat Seymour wolris folslein trochdraaie kin. Echt wier.’ ‘Der is hjir in psychiater yn it hotel,’ sei it famke. ‘Wa? Hoe hjit er?’ ‘Gjin idee. Rieser of sa. Hy skynt tige goed te wêzen.’ ‘Noait fan heard.’ ‘No, hoe dan ek, hy skynt tige goed te wêzen.’ ‘Muriel, doch asjeblyft net sa ûnnoazel. Wy meitsje ús tige ûngerêst om dy. Dyn heit woe dy justerjûn sels noch in telegram stjoere, datst thús komme moatst.’ ‘Ik gean echt noch net nei hûs, mem. Kalmearje dochs.’ ‘Muriel. Echt wier. Dokter Sivetski sei dat Seymour folslein troch -’ ‘Ik bin hjir noch mar krekt, mem. Dit is myn earste fakânsje sûnt jierren, en ik bin net fan doel en pak alles mar wer yn om nei hûs te gean,’ sei it famke. ‘Ik kin no trouwens dochs net op reis. Ik bin sa ferbaarnd dat ik my amper bewege kin.’ ‘Bist slim ferbaarnd? Hast dy pot Bronze wol brûkt dy't ik yn dyn tas stoppe hie? Ik haw him...’ ‘Dy ha 'k brûkt. Mar dochs bin 'k ferbaarnd.’ ‘Dat is freeslik. Wêr bist ferbaarnd?’ ‘Oeral, leave, oeral.’ ‘Freeslik.’ ‘Ik gean der net dea oan.’ ‘Sis, hast ek mei dy psychiater praat?’ ‘Och, amper,’ sei it famke. ‘Wat sei er? Wêr wie Seymour doe'st mei him pratest?’

Trotwaer. Jaargang 32 488

‘Yn de Ocean Room, hy wie oan it pianospyljen. Beide jûnen dat wy hjir wiene, hat er pianospile.’ ‘No, wat sei dy dokter?’ ‘O, net in soad. Hy begûn mei my te praten. Ik siet nêst him by bingo justerjûn en hy frege my oft dat soms myn man wie, dy't dêr oan it pianospyljen wie yn 'e oare seal. Ja, sei ik, dat is sa, en hy frege my oft Seymour siik west hie of sa. Dus sei ik -’ ‘Wêrom frege hy dat?’ ‘Dat wit ik net, mem, ik tink omdat er der sa bleek útsjocht en sa,’ sei it famke. ‘Yn alle gefallen, nei de bingo fregen hy en syn frou my oft ik wat mei harren drinke woe. Dat haw ik dien. Syn frou wie freeslik. Wit mem noch dy lange jurk by Bonwit yn de etalaazje, dat ôfgryslike ding? Dêr't mem fan sei dat je dêr wol hiele lytse, lytse -’ ‘Dy griene?’ ‘Dy hie se oan. Ien en al heup. En se frege mar troch oft Seymour famylje wie fan dy Suzanne Glass mei dy saak oan Madison Avenue - dy huoddesaak.’ ‘Mar wat sei er eigentlik? De dokter.’ ‘O, net in soad, wier net. Ik bedoel, wy sieten yn de bar, it wie dêr ien en al rumoer.’ ‘Ja, mar eh, hast him ek ferteld wat er mei beppe har stoel dwaan woe?’ ‘Nee, mem. Ik bin der fierders net sa op yngien,’ sei it famke. ‘Ik tink dat ik noch wolris mei him prate sil. Hy sit de hiele dei yn de bar.’ ‘Tocht er ek dat der kâns op is dat hy - do witst wol - nuver begjint te dwaan? Tsjin dy!’ ‘Net presiis,’ sei it famke. ‘Sa'n man soe dan mear feitlikheden witte moatte, mem. Se moatte alles witte oer jins jeugd - datsoarte saken. Ik sei al, wy koene hast net meiïnoar prate, sa'n leven wie it dêr.’ ‘Okee dan. Hoe is it mei dyn blauwe jas?’ ‘Goed. Ik haw wat út de fulling helje litten.’ ‘Hoe is de moade trouwens dit jier?’ ‘Ofgryslik. Mar wol hiel apart. Mei loverkes - fanalles,’ sei it famke. ‘Befalt de keamer wat?’ ‘Goed. Nee, echt wol goed. Wy koene net de keamer krije, dy't wy foar de oarloch hiene,’ sei it famke. ‘De minsken binne freeslik dit jier. Mem soe ris sjen moatte wat der nêst ús sit yn de ytseal. Oan de tafel nêst ús. Se sjogge der út oft se hjir mei de frachtwein kommen binne.’ ‘Ach, dat is oeral sa. Hoe is it mei dyn baljurk?’ ‘Te lang. Ik sei mem ommers al dat er te lang wie.’ ‘Muriel, no freegje ik it dy noch ien kear - giet it echt goed mei dy?’ ‘Ja, mem,’ sei it famke. ‘Foar de njoggentichste kear.’ ‘En do wolst net thúskomme?’

Trotwaer. Jaargang 32 489

‘Nee, mem.’ ‘Do moatst der ris hielendal allinne op út, om de saken te oertinken. Dyn heit sei justerjûn dat er dêr wol flink wat jild foar oerhie. Wêrom makkest net in moaie cruise? Wy tochten beide -’ ‘Nee, tankewol,’ sei it famke en sette de fuotten wer op 'e grûn. ‘Mem, dit petear kostet in slom -’ ‘As ik der oan tink hoe'st de hiele oarloch op dy jonge wachte hast - ik bedoel, tink ris oan al dy sleauwe sloofkes dy't -’ ‘Mem,’ sei it famke, ‘wy kinne mar better ophingje. Seymour kin der sa ynkomme.’ ‘Wêr is er?’ ‘Op it strân.’ ‘Op it strân? Allinne? Hellet er gjin mâle fratsen út op it strân?’ ‘Mem,’ sei it famke, ‘mem praat oer him as wie er in gefaarlike maniak -’ ‘Dat sei ik hielendal net, Muriel.’ ‘No, sa klinkt it oars al. Ik bedoel, hy leit allinne mar. Hy wol syn badjas net útdwaan.’ ‘Syn badjas net út? Wêrom net?’ ‘Wit ik it. Ik tink omdat er sa wyt is.’ ‘Jezus, hy hat ferlet fan sinne. Kinsto him net sa fier krije?’ ‘Mem ken Seymour,’ sei it famke en sloech de knibbels wer oer inoar. ‘Hy wol net ha dat der allegearre idioaten nei syn tatoeaazje stean te sjen.’ ‘Hy hat net iens in tatoeaazje. Of hat er dy yn it leger opdien?’ ‘Nee, mem. Nee, skat,’ sei it famke en kaam oerien. ‘Harkje ris. Moarn skilje ik wer, tink ik.’ ‘Muriel. Do harkest no nei my.’ ‘Ja, mem,’ sei it famke, wylst se har gewicht nei de rjochterfoet ferpleatste. ‘Skilje my fuortendaliks as er nuvere dingen docht, of allinne mar seit - do witst wat ik bedoel. Hearst my?’ ‘Mem, ik bin net tang foar Seymour.’ ‘Muriel, ik wol datst my dat beloofst.’ ‘Goed, ik beloof it. Goeie, mem,’ sei it famke. ‘Doch heit de groetnis.’ Se hong op.

‘Simmerglês,’ sei Sybil Carpenter, dy't mei har mem yn it hotel útfanhuze. ‘Hat mem Simmerglês ek sjoen?’ ‘Leave pop, hâld dochs op dat hieltyd te sizzen. Memmy wurdt der stapelgek fan. Sit stil, asjeblyft.’ Mefrou Carpenter die sinnebrânguod op Sybils skouders en smarde it út oer de teare skouderblêden, dy't op fûgelwjukken liken. Sybil siet wif op in grutte, opblaasde strânbal, mei it sicht op de oseaan. Se hie in kanarjegiel, twa-

Trotwaer. Jaargang 32 490 dielich badpak oan, wêrfan't se ien diel de kommende njoggen, tsien jier grif noch net echt nedich hawwe soe. ‘It wie mar sa'n gewoane siden bûsdoek - dat koest fan tichtby wol sjen,’ sei de frou yn de strânstoel nêst dy fan mefrou Carpenter. ‘Ik soe wol witte wolle hoe't se him krekt omknope hie. Hy stie har beeldich.’ ‘It klinkt beeldich,’ joech mefrou Carpenter ta. ‘Sybil, leave pop, sit dochs stil.’ ‘Wêr is Simmerglês?’ sei Sybil. Mefrou Carpenter suchte. ‘Goed,’ sei se. Se die de dop wer op de flesse mei sinnebrânoalje. ‘No mar ris efkes boartsje, leave pop. Memmy giet nei it hotel om in Martini mei mefrou Hubbel te drinken. Ik bewarje de oliif wol foar dy.’ Einlings frij rûn Sybil daliks nei it flakke diel fan it strân en sette de kant út fan Fisherman's Pavillion. Se hâlde allinne noch efkes stil om har foet sakje te litten yn in mei wetter folsûge, ynstoarten sânkastiel en wie doe al gau net mear op it foar de hotelgasten reservearre part fan it strân. Se rûn in meter of fjouwerhûndert en draafde doe ynienen skean omheech, dêr't it strân rul waard. Se hâlde pas stil doe't se by it stee oanbelanne wie, dêr't in jongeman op syn rêch lei. ‘Giest it wetter yn, Simmerglês?’ sei se. De jongeman kaam justjes oerein wylst er de rjochterhân nei de revers fan syn badstoffen jas brocht. Hy draaide him om, op 'e bûk, liet in oprôle handoek fan syn eagen falle en stoarre mei heal tichtknypte teisters omheech nei Sybil. ‘Hee. Hallo. Sybil.’ ‘Giest it wetter yn?’ ‘Ik wachte op dy,’ sei de jongeman. ‘Wat hiest tocht?’ ‘Wat?’ sei Sybil. ‘Wat hiest tocht? Wat stiet der op it program?’ ‘Us heit kom moarn mei in pleanmasyn,’ sei Sybil en skopte yn it sân. ‘Net yn myn gesicht, berntsje,’ sei de jongeman en lei de hân op Sybils ankel. ‘No, it wurdt tiid dat er komt, jim heit. Ik ferwachte iderkear dat er komme soe. Iderkear.’ ‘Wêr is mefrou?’ sei Sybil. ‘Mefrou?’ De jongeman fage wat sân út syn tinne hier. ‘Dat is slim te sizzen, Sybil. Se kin wol op tûzen plakken wêze. By de kapper. Lit se har hier yn nertskleur fervje. Of se makket poppen foar earme bern yn har keamer.’ Hy lei no plat op 't liif, balle de fûsten, sette se op inoar en liet it kin der op rêste. ‘Freegje my wat oars, Sybil,’ sei er. ‘Wat in moai swimpak hast dêr oan. As ik ien swimpak moai fyn, dan is it wol in blau swimpak.’ Sybil stoarre nei him en seach doe nei ûnderen, nei har foarútstutsen bûk. ‘Dit is giel,’ sei se. ‘Dit is giel.’ ‘O ja? Kom wat tichterby.’

Trotwaer. Jaargang 32 491

Sybil die in stap nei foaren. ‘Hast hielendal gelyk. Wat bin 'k ek in idioat.’ ‘Giest it wetter yn?’ sei Sybil. ‘Ik tink der earnstich oer. Ik bin der yn gedachten tige mei dwaande, Sybil, dat sil dy deugd dwaan.’ Sybil drukte it luchtbêd yn dat de jongeman bytiden as kjessen brûkte. ‘Dêr moat lucht by,’ sei se. ‘Do hast gelyk. Der moat mear lucht by as ik eins tajaan wol.’ Hy loek syn fûsten fuort en liet it kin yn it sân rêste. ‘Sybil,’ sei er, ‘do sjochst der moai út. Fijn om dy te sjen. Fertel my wat oer dysels.’ Hy stiek de earms foarút en krige Sybils beide ankels beet. ‘Ik bin Stienbok,’ sei er. ‘Wat bisto?’ ‘Sharon Lipschutz sei dat se nêst dy sitte mocht op de pianokruk,’ sei Sybil. ‘Sei Sharon Lipschutz dat?’ Sybil knikte heftich. Hy liet har ankels los, loek de earms werom en liet syn wang op de rjochter ûnderearm rêste. ‘No ja,’ sei er, ‘do witst hoe't soks giet, Sybil. Ik siet dêr en spile. En do wiest nearne te finen. En Sharon Lipschutz kaam deroan en gyng nêst my sitten. Ik koe har der dochs net ôftriuwe, wol?’ ‘Ja.’ ‘O, nee. Nee, dat koe ik net dwaan,’ sei de jongeman. ‘Ik sil dy fertelle wat ik ál dien haw.’ ‘Wat dan?’ ‘Ik die krekt oft sy dy wie.’ Sybil bûgde har fuortendaliks foaroer en begûn yn it sân te dollen. ‘Kom, wy geane it wetter yn,’ sei se. ‘Goed,’ sei de jongeman. ‘Ik tink dat ik dêr wol efkes tiid foar frijmeitsje kin.’ ‘De oare kear triuwst har der ôf,’ sei Sybil. ‘Wa der ôftriuwe?’ ‘Sharon Lipschutz.’ ‘Tsjonge, Sharon Lipschutz,’ sei de jongeman. ‘Hoe komme wy dochs op dy namme? In mingeling fan oantinkens en langstme.’ Hy sprong ynienen oerein. Hy seach nei de oseaan. ‘Sybil,’ sei er, ‘ik sil dy sizze wat wy dogge. Wy sille ris sjen oft wy in bananefisk fange kinne.’ ‘In watte?’ ‘In bananefisk,’ sei er en makke de sintuer fan syn badjas los. Hy die de badjas út. Syn skouders wiene wyt en smel en syn swimbroek djipblau. Hy tearde de badjas op, earst yn de lingte en doe yn trijen. Hy rolle de handoek op dy't oer syn eagen lein hie, sprate him út oer it sân en lei de optearde jas derop. Hy bûgde foaroer, krige it luchtbêd op en naam it stevich ûnder de rjochterearm. Dêrnei naam er mei syn lofterhân Sybils hân beet. Tegearre gyngen se de kant fan de oseaan út.

Trotwaer. Jaargang 32 492

‘Ik tink datst yn dyn libben aardich wat bananefisken sjoen hast,’ sei de jongeman. Sybil skodholle. ‘Nee? Wêr wennest eigentlik?’ ‘Wit ik net,’ sei Sybil. ‘Fansels witst dat wol. Dat hearst te witten. Sharon Lipschutz wit al wêr't se wennet en sy is noch mar trijeëninheal.’ Sybil bleau stean en skuorde har hân los. Se krige in neatsizzende skulp op en bestudearre him sekuer. Se liet him wer falle. ‘Whirly Wood, Connecticut,’ sei se en rûn wer fierder, mei de bûk foarút. ‘Whirly Wood, Connecticut,’ sei de jongeman. ‘Leit dat net tafallich by Whirly Wood, Connecticut?’ Sybil seach him oan. ‘Dêr wenje ik,’ sei se ûngeduldich. ‘Ik wenje yn Whirly Wood, Connecticut.’ Se rûn in pear stappen foar him út, loek de rjochterfoet omheech mei de lofterhân en hinkele twa of trije kear. ‘Do hast gjin idee hoe't dat alles ferhelderet,’ sei de jongeman. Sybil liet har foet wer los. ‘Hasto “Little Black Sambo” lêzen?’ sei se. ‘Grappich datst my dat fregest,’ sei er, ‘Ik haw it fannacht tafallich krekt útlêzen.’ ‘Fleagen dy tigers hieltyd mar om dy beam hinne?’ ‘Ik tocht dat se noait ophâlde soenen. Ik haw noch noait sa'n soad tigers sjoen.’ ‘Der wiene mar seis,’ sei Sybil. ‘Mar seis!’ sei de jongeman. ‘Seisto mar seis?’ ‘Hâldsto fan kearsfet?’ sei Sybil. ‘Of ik fan wat hâld?’ ‘Kearsfet.’ ‘Lekker. Do net?’ Sybil knikte. ‘Hâldst fan oliven?’ frege se. ‘Oliven - ja. Oliven en kearsfet. Ha 'k altyd by my, wêr't ik ek bin.’ ‘Meist Sharon Lipschutz graach lije?’ frege Sybil. ‘Ja. Jawis,’ sei de jongeman. ‘Wat ik foaral aardich fan har fyn is dat se noait gemien is tsjin lytse hûntsjes yn de lobby fan it hotel. Lykas dy poppige buldog fan dy frou út Kanada. Do wolst it miskien net leauwe, mar der binne soms lytse famkes dy't yn dat hûntsje ompjukke mei harren ballonpypkes. Soks docht Sharon net. Se is noait gemien of ûnaardich. Dêrom mei ik har graach lije.’ Sybil hâlde har stil ‘Ik mei graach op kearsen kôgje,’ sei se op 't lêst. ‘Wa net?’ sei de jongeman en hy fielde syn fuotten wiet wurden.

Trotwaer. Jaargang 32 493

‘Oei! 't Is kâld.’ Hy smiet it luchtbêd plat op it wetter del. ‘Wachtsje efkes, Sybil. Wachtsje oant wy wat fierder de see yn binne.’ Se wâden troch oant it wetter by Sybils mul stie. Doe tilde de jongeman har op en lei har mei de bûk op it luchtbêd. ‘Hast noait in badmûtse op of sokssawat?’ frege hy. ‘Net loslitte,’ gebea Sybil. ‘Hâld my goed beet.’ ‘Juffer Carpenter. Asjeblyft. Ik wit wat ik doch,’ sei de jongeman. ‘No goed de eagen iepen hâlde ofst ek in bananefisk sjochst. It is in prachtdei foar bananefisk.’ ‘Ik sjoch gjinien,’ sei Sybil. ‘Dat is begryplik. Se hawwe hiel nuvere oanwensten.’ Hy treau it luchtbêd noch hieltyd foar him út. It wetter kaam him hast oan 't boarst ta. ‘Se hawwe och sa'n tragysk libben,’ sei er. ‘Witst wat se dogge, Sybil?’ Se skodholle. ‘No, se swimme in grot yn dy't fol bananen leit. Der is neat oan harren te sjen as se der ynswimme. Mar ienkear binnen tjirgje se harren as bargen. Echt, ik haw wol bananefisken sjoen dy't in bananegrot ynswommen en net minder as achtensantich bananen opfrieten.’ Hy stjoerde it luchtbêd en syn passagier temûk in stap fierder nei de kym. ‘Dan wurde se fansels sa grou dat se de grot net mear útswimme kinne. Se passe net mear troch de doar.’ ‘Net te fier,’ sei Sybil. ‘Wat bart der dan mei harren?’ ‘Wat bart der mei wa?’ ‘De bananefisken.’ ‘O, do bedoelst neidat se sa'n soad bananen iten ha dat se dat se net mear út de bananegrot komme kinne.’ ‘Ja,’ sei Sybil. ‘It docht my sear dat ik it dy sizze moat. Se geane dea.’ ‘Wêrom?’ frege Sybil. ‘Se krije bananekoarts. In ferskriklike sykte.’ ‘Dêr komt in weach oan,’ sei Sybil senuweftich. ‘Wy negeare him. Hy is ús te min,’ sei de jongeman, ‘Twa snobs.’ Hy naam Sybils ankels yn 'e hannen en drukte se nei ûnderen en nei foaren. It luchtbêd dûkte oer it heechste punt fan de weach hinne. It wetter makke Sybils blonde hier dweiltrochwiet, mar se gûlde it út fan wille. Doe't it luchtbêd wer rjocht lei, fage se in wiete, slûke tûf hier út de eagen wei en rapportearre: ‘Ik haw krekt ien sjoen.’ ‘Wat sjoen, myn leave?’ ‘In bananefisk.’ ‘O God, nee!’ sei de jongeman. ‘Hie er bananen yn 'e bek?’ ‘Ja,’ sei Sybil. ‘Seis!’ De jongeman tilde ynienen ien fan Sybils wiete fuotten op dy't by it luchtbêd

Trotwaer. Jaargang 32 494 delhongen en tute de holte fan de soal. ‘Hee,’ rôp de eigenares fan de foet, wylst se har omdraaide. ‘Wat, hee? Wy geane werom. Hast dyn nocht?’ ‘Nee!’ ‘It spyt my,’ sei er en skode it luchtbêd wer de kant fan it strân út, oant Sybil der fanôf stapte. It lêste eintsje droech er it. ‘Hoi,’ sei Sybil en rûn like fleurich de kant fan it hotel út.

De jongeman die syn badjas oan, loek de kraach ticht en proppe syn handoek yn 'e bûse. Hy naam it glêde, ûnhânsume luchtbêd ûnder de earm. Hy sjokte troch it moudige, hite sân nei it hotel. Yn it souterrain, dat de hoteldireksje ornearre hie as yngong foar it baaifolk, stapte in frommis mei sinksalve op de noas tagelyk mei de jongeman de lift yn. ‘Ik sjoch dat jo nei myn fuotten stean te sjen,’ sei er tsjin har nei't de lift him yn beweging set hie. ‘Pardon?’ sei de frou. ‘Ik sei: ik sjoch dat jo nei myn fuotten stean te sjen.’ ‘Nim my net kwea ôf, sis. Tafallich sjoch ik nei de flier,’ sei de frou en rjochte de eagen op de liftdoarren. ‘As jo nei myn fuotten sjen wolle, sis it dan,’ sei de jongeman. ‘Mar wês der net sa godferdommese stikem yn.’ ‘Lit my der hjir asjeblyft út,’ sei it frommis gau tsjin it famke dat de lift betsjinne. De doarren skoden iepen en de frou stapte nei bûten sûnder om te sjen. ‘Ik ha twa normale fuotten en kin gjin inkelde godferdommese reden betinke wêrom't ien dêr nei stoarje moatte soe. De fjirde, asjeblyft.’ Hy helle de kaai fan de keamer út de bûse fan syn badjas. Hy stapte út op de fjirde ferdjipping, rûn de gong troch en gyng keamer 507 yn. It fertrek rûkte nei nije keallelearen koffers en neilelak-remover. Hy seach flechtich nei it famke dat te sliepen lei op ien fan de lits-jumeaux. Doe rûn er nei de koffer, makke him iepen en helle ûnder in steapel koarte broeken en himden in Ortgies kaliber 7.65 automaat wei. Hy loek it magasyn der út, beseach it en stiek it der wer yn. Hy spande de hoanne. Doe stapte er op it lege bêd ôf, sette him del, seach nei it famke, rjochte it pistoal, en skeat in kûgel troch syn rjochtersliep.

J.D. Salinger, ‘A perfect day for bananafish’. Ut: Nine stories [1953]. Utjefte: Little, Brown and Company, Boston/Toronto/London.

Trotwaer. Jaargang 32 495

Hâlden en kearen mei it Frysk yn de media Pieter de Groot

Frysk en drammen - it hat hiel lang synonym west, en út en troch stekt it de kop wer op, ûnder oaren yn de gemeente Wûnseradiel, dy't men foar in moai frysksinnige gritenij hâlde oant ynienen de rapen gear reitsje yn Surch en bliken docht dat se ek yn oare doarpen beswier ha tsjin it ferfryskjen fan de nammen. Mei útstellen, dy't it Frysk op ien of oare wize fierder bringe yn it maatskiplike ferkear, moat o sa hoeden omsprong wurde. It is op aaien rinnen, want ear't jo der erch yn ha, kwetse jo de meiminske en binne jo dwaande him jo wil op te lizzen, him dingen troch de strôte te triuwen. De Fryske Beweging en de FNP lizze by harren út soarte op in kweade namme, om't dy derop út wêze soene Fryslân te ferfryskjen en ôf te skieden.

De utersten

Dat is in byldfoarming dy't út noch yn net doocht fansels, mar dêr't jo algeduerigen wer tsjin oanrinne en dêr't jo mei te rekkenjen hawwe. Dat jildt ek foar de ideeën dy't by de minsken libje oer it Frysk en de krante. Fierwei de grutste mearderheid fan de lêzers stroffelet der net oer en dy hearre jo dus net. Jo hearre allinnich de utersten. Oan de iene kant ha jo de minsken dy't fan betinken binne dat de krante grôtfol Frysk stiet en dêrtroch foar harren ûnlêsber wurdt. As bewiis stjoere se dan in krantepagina mei dy't grôtfol Hollânsk stiet, op dy pear sitaten nei dy't se read kleure ha of ûnderstreke, mei foarse útroptekens derby. Wy skriuwe sokken dan in freonlik briefke, of skilje, dat is faak noch better. As jo se mei de feiten konfronteare, slane se as in blêd oan 'e beam om en litte se har kenne as ferstannige lju dy't alle begryp ha. Want de measte minsken gripe noait nei de pinne, en as se it dan in kear dogge, is it yn in hite hei. Ut en troch berikke ús ek lûden fan minsken dy't fine dat der fierstente min Frysk yn 'e krante stiet. Ik wit net oft dy groep dy't dat fynt, grutter is as de groep dy't anty-Fryske lûden hearre lit. Nuver is dat dy har wol op alderlei plakken - yn tydskriften en op gearkomsten - oppenearje, mar dat se har, in inkeling dêrlitten, mei dizze klacht nea rjochtstreeks ta de krante rjochtsje. In kollektive rop om mear Frysk, ûnderboud mei arguminten, hat ús noch nea berikt. Dat hat my wolris fernuvere, om't de measten dochs aardich mei de mûle en de pinne oer 'e wei kinne. Beskôgje se de krante as in natuerferskynsel dêr't jo gjin ynfloed op ha kinne? Of, in typysk Fryske trek, as in komplot, in gearspannen fan redakteuren dy't it Frysk út de krante keare wolle?

Gjin komplot

Trotwaer. Jaargang 32 No, om dêrmei daliks ôf te weven: de krante is gjin komplot dy't út ien mûle praat, mar in bûnte samling fan ûnderwilens om de hûndert redakteuren, dy't elk harren eigen yndividuele ynbring ha, mei al har Hollânske lek en Fryske brek. Om't de LC yn syn redaksjestatût fêstlein hat dat de krante in bysûndere ferantwurdlik-

Trotwaer. Jaargang 32 496 heid hat foar de Fryske taal en kultuer oer, binne der in tal soms al, soms net skriftlik fêstleine regels dy't ien kear yn 'e safolle tiid op redaksjegearkomsten wer tsjin it ljocht hâlden wurde. Mei oan de hân fan ûntjouwingen yn 'e mienskip en lûden út de praktyk, wurde dy dan nei wat diskusje oer-en-wer al of net bysteld. Dy lûden út de praktyk tendearje, dat mei dúdlik wêze, nei mear Hollânsk en minder Frysk En as der net mear tsjinoer stiet as in pear ferdwaalde klachten fan yn 'e regel âldere lêzers, steane redakteuren dy't it Frysk bêst stypje wolle - en dy binne der wier genôch - al gau mei lege hannen. De stipe fan de lêzersachterban is fan libbensbelang: de krante is, oars as de omrop, in kommersjeel produkt. De wurden fan Sjoerd van der Schaaf, âld-haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, binne noch altyd aktueel: ‘De krante moat it earst fan syn lêzers hawwe, foar't de lêzers it fan har hawwe moatte.’ Ik wol der wol op wize dat it net sa is, sa't him dat yn it slim fertekene ûnthâld fan âldere lêzers fêstsetten hat, dat der tsjinwurdich folle minder Frysk yn stiet as eartiids. De stikken binne wol koarter, dy ûntjouwing nei minder tekst en mear byld hat de krante fansels ûnder ynfloed fan de feroarjende tiid, wol trochmakke. Sawol sjoernalisten dy't leafst mar foar 't faderlân wei skriuwden, as lêzers dy't net om 'e lingte male, as de ynhâld mar nijsgjirrich genôch is, hawwe omstean leare moatten.

Fryske reservaat

De fêste Fryske side yn 'e freedsbylage, is út de histoarje oerbleaun, mar wa't de kranten út dat griis ferline (de jierren sechstich) der by pakt, sil sjen dat dy destiids folle faker Hollânsktalich wie as no. Sokken as S.J. van der Molen en Jaap Kalma skreaune destiids meast yn it Hollânsk oer Fryske ûnderwerpen. Men kin sizze: sa'n side is in reservaat yn 'e krante, kin it Frysk net gewoan lyk behannele wurde as it Hollânsk en yntegrearre wurde yn 'e rest fan de kranten en bylagen? Dat soe ideaal wêze mar dat hat in skaadkant. Om't it in minderheidstaal is dy't ek mar troch in minderheid fan de redakteuren skreaun wurdt, is it gefaar grut dat dy der yn it Hollânske geweld ûnderstrûpt en op in stuit sels ferdwynt. Sa'n reservaat biedt beskerming en de plicht om him yn stân te hâlden, en miskien, wa wit, sels út te wreidzjen. Soms dogge we dat al. De ûnderwerpen op dy side beheine har oant no ta ta it terrein fan de Fryske taal en kultuer. Dat soe om my trochbrutsen wurde moatte: it Frysk soe foar alle sektoaren en domeinen brûkt wurde moatte, yn 'e krante. It is net iens in ideaal, it heart foar in taal normaal te wêzen. Dat ik de hannen der dochs net sa maklik foar op elkoar krij, is oan ien kant wol te begripen. Los fan it útjouwersbelang ha ek de yndividuele redakteuren der belang by dat it boadskip dat se oerbringe moatte, troch safolle mooglik lêzers ferstien wurdt, en as út lêzersûndersiken dan bliken docht dat mear as de helte - it lêste ûndersyk skommele sels om de tachtich persint - gjin bek op it Frysk sette wol, dan is de kar gau makke. Oan de oare kant hâld ik altyd mar út dat as it ûnderwerp in lêzer ynteressearret, se wol oer de taaldrompel hinne stappe. Der is dan wol in mits by. Sa'n stik moat wol tagonklik en lêsber skreaun wêze, en dat is in keunst dy't in protte skribinten

Trotwaer. Jaargang 32 dy't har fan it Frysk betsjinje, spitigernôch net yn 'e macht ha. Dat komt ek mei om't der op it mêd fan de Frysktalige sjoernalistyk suver gjin tradysje bestiet. Ja, in lytse ieu Sljucht en Rjucht en Frysk en Frij: ik wol der perfoarst net lytsachtsjend oer dwaan, mar dat hat dochs foar it meastepart willewurk fan frijwilligers west.

Trotwaer. Jaargang 32 497

En hjir bin ik dan oanlâne by it fakuüm dat der op 't heden gappet tusken oan 'e iene kant de Fryske kranten mei yn ferhâlding mar in bytsje Frysk en de Frysktalige blêden.

Autonoom en profesjoneel

Sûnt it ferdwinen fan Frysk en Frij en De Strikel binne der allinne noch mar in pear literêre tydskriften oer mei op syn meast 350 à 400 lêzers, en in pear ûnregelmjittich ferskinende klubbledsjes, dêr't ik ta myn grutte freugde De Fryske Federalist fan J.B. Singelsma en Lyts Frisia fan de Jongfryske Mienskip it faakst fan ûnder eagen krij. Ik ikkerje hjir it mislearre aventoer mei Frsk net wer op: dat haw ik fan it begjin oan net sitten sjoen, om't in hûs-oan-hûsberik fan hûnderttûzenen gjin garânsje is dat elkenien sa'n blêd ek mei in sin lêst. In krante dy't men mei in sin lêst, hat men in abonnemint op. Dat it finansjeel de Provinsje no meiwierret, makket de kâns reëel dat der skielk wer wat foar yn 't plak komt, en it moaist soe wêze dat dat dan de twa blêden binne, sa't de provinsjale kommisje-Van der Ploeg dy yn 1998 foarslein hat: in krante foar in breed publyk, en in algemien opinyblêd dat him op in wat lytser publyk rjochtet. Betingst foar beide media is dat se op in profesjonele basis makke wurde en dêrneffens betelle, en dat it net, sa't it oant no mei Frysktalige blêden altiten wenst wie, in saak fan willewurk is, dêr't minsken foar in apel en in aai foar yn 't spier binne. In blêd mei in formule, dy't eksklusyf is en net de kranten dûblearret. Oer it hoe en het fan sa'n blêd, en wêr't it ûnderbrocht wurde moat, wurdt op 't heden yn allerhande fermiddens neitocht, mar it moat net útdraaie op in blêd dêr't alderlei rûnten en organisaasjes wat oer te sizzen krije. In autonome redaksje ûnder in ûnôfhinklike paraplu is de bêste waarboarch foar kwaliteit en kontinuïteit. Men moat mei oansprekkende kampanjes foar beide blêden stribje nei in sa grut mooglik berik, elk yn soarte, en foar it blêd dat ûnder in breed publyk komt, jins best dwaan safolle mooglik advertinsjes te krijen. Men kin lykwols net langer de eask stelle dat de blêden har op 'en doer sels bedrippe moatte, want nei alle eksperiminten, earst mei Frysk en Frij, no mei Frsk, is foargoed oantoand dat soks ûnmooglik is. Der sil altyd jild by moatte: dat útgongspunt sille de minsken dy't deroer beslute, it op foarhân oer iens wêze moatte. It soe de baas wêze as provinsjale polityk en bedriuwslibben (de útjouwers) de lêsten dêrfan diele, byneed holpen mei in bydrage út it Bedrijfsfonds voor de Pers. Teoretysk rint in blêd dat finansjeel sa fan oaren ôfhinklik is, it gefaar dat dy oaren ek oer de ynhâld mei kedize wolle en de redaksje ûnder druk sette. Dêr moatte yn 't foar goede ôfspraken oer makke wurde. Yn de mear as tritich jier dat ik ûnderfining ha mei subsidiearre Fryske tydskriften, is my lykwols gjin gefal bekend dat de oerheid of de útjouwer ynfloed op it redaksjebelied ha woe, of drige mei it ynlûken fan it subsydzje, om't in redakteur de kop fan de kommissaris of in deputearre easke hie. Salang't der yn Fryslân gjin revolúsje komt en gjin junta oan 'e macht, hoecht men der net benaud foar te wêzen. Under kompjûterisearre foaroprinners kin men skepsis beharkje, dy achtsje in papieren tydskrift út 'e tiid, men kin jins enerzjy better brûke, ûnder oaren op Ynternet.

Trotwaer. Jaargang 32 Mei alle respekt foar de ‘oneindige mogelijkheden’ fan dit medium, is it no noch fierstente betiid om dy konklúzje te lûken. Ynternet is in ideale oanfolling - en dy mei men net oer it net fleane litte -, mar is út noch yn gjin alternatyf, dat it papieren blêd ferfange kin.

Trotwaer. Jaargang 32 498

Nij Trotwaer

Trotwaer ûntjout him, sûnt De Strikel en Frysk en Frij fuortfallen binne, as in blêd dat de lakune tusken de ing-literêre tydskriften en bewegingsbledsjes en de fierhinne Hollânsktalige kranten opfolje kin. Dat stiet ek it Literair Produktie- en Vertalingenfonds, dat advisearret oer it rykssubsydzje, tige oan (sjoch it oktobernûmer). Yntusken hat de redaksje har ideeën op it Provinsjehûs deponearre. Hopelik kriget dit blêd de hannen fan de Steaten op elkoar en jout de Provinsje de sinten dy't foar it wiermeitsjen fan dy formule nedich binne. Der binne wol in pear tûkelteammen fansels. Yn it foarste plak wurdt Trotwaer útjûn troch de Koperative Utjowerij. Dat is in ideële klup fan en foar skriuwers, dy't net de distribúsjemooglikheden fan in kommersjele útjouwer hat. Se is foar redaksje en lay-out ek alhiel oanwiisd op frijwilligers. Oft se, as se dêrfoar de middels krijt, dat wurk sa maklik útbesteegje sil oan ‘professionals’, dy't der ‘rojaal’ foar betelle wurde, is de fraach. Behalve dat it yn striid is mei har ideële doelstellingen, mist de KU ek de fasiliteiten dy't sokke ‘professionals’ nedich hawwe. Mar miskien fielt printer Van der Eems, dy't de útjouwerij sûnt koart mei op 'e noed hat, him no wol oansprutsen en makket er in dummy om jin de fingers by ôf te slikjen! Ta beslút de Eeltsje Hettinga-foby: Trotwaer soe sa ‘ferstrikelje’, dat de literatuer oan 'e krapperein komt. Ik diel Eeltsje syn soargen, salang't it blêd alhiel ôfhinklik is fan frijwillige bydragen. Yn it iene nûmer hat de lichte kost de oerhân, it oare nûmer is de ‘drege’ kant it neist. De redaksje kin dat wol wat stjoere en stribje nei in goede miks. Mar sa'n miks kin ek in wylde grienmank wurde dêr't de lezers troch op 'e doele reitsje. Better is fan dy miks ôf te stappen en de skiften útinoar te hâlden. By in fierdere profesjonalisearring soe men it persintaazje literatuer (skeppend proaza, poëzy, essays) feilich stelle kinne troch in aparte (of part fan de) redaksje it foech te jaan oer in literêr supplemint fan in fêste omfang. Sa likernôch as Vrij Nederland mei syn boekekatern ‘De Republiek der Letteren’ of De Groene mei ‘Dichters en Denkers’. It foardiel fan in apart, útnimber supplemint is dat de lêzers yn 't foar witte wêr't se oan ta binne. It Strikel-type oan wa't fiif siden poëzy net bestege binne, kin it oan 'e kant lizze, de literêre fynpriuwer kin fuort it supplemint opslaan. De útjouwer kin foar sa'n blêd dat sa'n dúdlik ûnderskied makket, ek makliker abonnees winne, itsij foar it iene skift, itsij foar it oare. Foar goed begryp: as ik it oer ‘professionals’ haw, dan doel ik op minsken dy't sok wurk net as frijwilliger hoege te dwaan, mar der fatsoenlik foar betelle krije en alle mooglikheden hawwe om in fakkundich blêd te meitsjen. Dat kinne ek ‘amateurs’ wêze, want de measte amateurs skriuwe sa goed dat de blêden dy't my foar eagen stean, har hurd nedich ha sille, wolle se kwaliteit bringe. Sjocht nei it profesjoneel makke opinyblêd De Groene: dat it de measte meiwurkers mar in luzehonorarium biede kin, is oan it nivo net ôf te lêzen. Krekt oarsom, De Groene kipet, wat orizjinele en eigensinnige bydragen oanbelanget, fier boppe de rest út.

Noat

Trotwaer. Jaargang 32 Justjes bewurke tekst fan in praatsje dat ik op freed 13 oktober 2000 hâlden ha foar de Ried fan de Fryske Beweging. De Ried hie my útnoege om wat te fertellen oer it Frysk yn de skreaune media. Oer it Frysk yn it Friesch Dagblad koe ik it as LC-redakteur fansels net ha en wat ik oer it Frysk yn de Ljouwerter Krante fertel, die ik op persoanlike titel. Op fersyk fan de redaksje haw ik myn opmerkingen oer Trotwaer wat neier taljochte.

Trotwaer. Jaargang 32 499

Orfeo yn Fryslân In needlanning fan de Hillige Geast Johan van der Zee

Sneontejûn 11 novimber wie yn de Ljouwerter Harmonie op it Noordelijk Film Festival de wrâldpremjêre fan Orfeo yn Fryslân, in film fan Jacques Servaes en Jos Thie oer de opfiering fan Orfeo Aqua dizze simmer op de Bombrekken by Aldegea. Nei ôfrin wie der in diskusje oer de mooglikheden fan tv-drama yn de regio. It foarum ûnder lieding fan tv-presintator en Volkskrantredakteur Michaël Zeeman bestie út: Annemieke Gerritsma, direkteur fan it Stimuleringsfonds Nederlandse Culturele Omroepprodukties, Steven de Jong, film- en tv-regisseur, Pim Gaanderse, direkteur/ haadredakteur fan Omrop Fryslân, en Jos Thie, artistyk lieder fan Tryater.

De needlanning

In needlanning fan de hillige geast. Annemieke Gerritsma brûkte dat byld doe't it yn 'e diskusje gie oer de fraach oft der yn Fryslân genôch talint is om mei eigen drama op 'e televyzje te kommen. Sy woe der neat fan leauwe dat sa'n needlanning in kroadfol talintearre scenarioskriuwers yn Fryslân efterlitten hat. Se hat tink ik wol gelyk. Mar se hie der tagelyk by dat se der net by west hie, dêr op 'e Bombrekken yn de simmer fan 2000. Want dêr moat hast wol in needlanning west ha. Dêr wie yn it foarste plak Hoite Pruiksma. Hy kaam del mei it idee om krekt dêre de opera Orfeo ed Euridice fan C.W. von Gluck op te fieren. En de hillige geast hat al wer in moai skoft lyn Jos Thie yn Fryslân delset, ik neam him wol ris ‘tovenaar Thie’ nei in tv-held út eardere tiden, mar dat fyn ik ek wat flau. Hy soarge foar moai toaniel by Tryater, foar Abe!, Peer Gynt en no - wer yn it ramt fan it Frysk Festival - foar Orfeo Aqua. Troch Pruiksma en Thie komme der prachtige talinten nei de Bombrekken. De solisten, de sjongers fan it koar, de muzikanten, de betinkers fan de effekten, de bouwers en gean sa mar troch. En dan is dêr Omrop Fryslân Televyzje. Geart de Vries fertelt dat der yn april al kontakten west ha mei it Frysk Festival oer in registraasje. Dat hie ek wer alles mei subsydzjes te krijen, mar dy kontakten lizze by de lanlike ôfdieling fan OF maklik, de foarsitter fan it Festival is yn 'e buert. En it komt foarelkoar. It knappe is dat der sein wurdt: dit kinne wy sels net behappe, wy sjogge om ús hinne. Fia ID&Dtv, in produksjemaatskippij, komt BRT-regisseur Jacques Servaes op 'e proppen en wer is der in grut talint by de Bombrekken delkommen. It moat allegearre in heel soad jild kostje mar dat komt der ek. It stimulearringsfûns fan Annemieke Gerritsma komt mei twa ton oer de brêge, as it mar net al te dúdlik wurdt dat de film foar it grutste part makke is troch in Belch, want it is in Nederlânsk fûns. De Provinsje Fryslân wol ek wol meibetelje en sa komt de trije-en-in-heale ton dy't it allegearre kostje

Trotwaer. Jaargang 32 500 moat op it kleed. Sa'n needlanning hat grutte gefolgen.

De film

Yn de televyzjefilm komt alles by elkoar. It idee fan Hoite Pruiksma om dizze prachtige muzyk hjir op te fieren, it sobere spektakel dat Jos Thie dêr omhinne tovere hat, it lânskip, de minsken en de trein dy't hjir hieltyd mar wer foarby fljocht. Servaes hat der noch in elemint oan taheakke. It folksferhaal. In ferhaal dat likegoed by de Bombrekken as oan it Lago Maggiore of by de Victoriamar spylje kin. Fan de fisker dy't fereale wurdt op in seemearmin en har trouwe wol, mar dêr grutte, ûnminsklike offers foar bringe moat. It selde ferhaal dus as dat fan Orfeo dy't syn Euridice út de ûnderwrâld werom helje kin as hy oan hast net op te bringen betingsten foldocht. Servaes hat ek de tariedingen filme foar de opfiering fan de opera. En dêrmei hat hy televyzje makke. Gjin ferslach fan it barren by Bombrekken, gjin registraasje fan de opera, gjin oanklaaid folksferhaal. Hy hat alle eleminten trochelkoar goaid en allinnich it ferhaal oer Orfeo en dat fan de fiskerman oanhâlden. Hy hat alle byldzjende eleminten fan de omkriten brûkt. De trein nei Warkum komt tolf kear foarby, elke kear wer oars en likemoai. De prachtige loften, it reid, it wetter en de rare stellaazjes dy't der foar Orfeo Aqua boud binne. Hy doart it oan en set de sjongers op oare plakken del as dat se yn it stik steane, hy soarget derfoar dat de Gary Boyce as Orfeo, Claudia Palacca as Euridice en Ilse van de Kasteelen as Amor folslein oertsjûgjende akteurs wurde troch se op syn wize yn byld te setten: hy hat se sa filme dat de eftergrûn net dúdlik is mar wol de sfear bepaalt. Hy hat de sjongers fan Capella Frisiae sa yn byld brocht dat it bydraacht ta de dramatyk. Hy lit Jan Arendz op hieltyd moaiere lokaasjes sjen as in poerbêste ferteller. (Wat is de sêne mei it seil moai!) Hy lit sjen dat er alles oandoart. Struit mei bylden om him hinne. Wetter, fjoer, loft. It is my hjir en dêr wolris te barok. As Orfeo mei it fjoer oan 'e gong is reitsje ik it spoar wolris efkes bjuster en dat haw ik ek as der by de konfrontaasje tusken Orfeo en Euridice wat al te folle wetter oer de bylden hinne spielt. Servaes is Belch, sil de bylden grif mear oansette as in Fries it dwaan soe. Jos Thie hat him ynholden op de Bombrekken, minder grutte effecten as by Abe! of Peer Gynt brûkt; Jacques Servaes hat it hjir en dêr wat fersterke en in prachtige film makke. In opera, in idee, in opfiering op it wetter en in oarspronklik senario ha meielkoar in nij keunstwurk oplevere.

De diskusje

It falt jin wat rau op 'e lea, sa'n diskusje nei in prachtige film. Wat moat de regionale televyzje mei drama? Jos Thie wie der fuortendalik dúdlik yn: registraasje fan in opera op it wetter as Orfeo Aqua is gjin televyzje en dêr moatte jo dan ek mar net oan begjinne.

Trotwaer. Jaargang 32 Wat moat der dan barre? Soap yn it Frysk? Der bin plannen. Gaanderse en Steven de Jong ha der al spul oer hân, mar se wolle wol en de Provinsje hat der jild foar oer. Gaanderse beskôget de ‘registraasjes’ dy't der oant no ta fan Abe!, Pak 'm Stanzy en Twa west hawwe as fingeroefeningen. Hy praat sels efkes Frysk. Hy wol net ‘fan de flier op 'e souder’ stappe, mar fynt wol dat it krekt yn dizze provinsje barre moat. Dy is ‘doordesemd’ mei toaniel, sjoch mar nei al dy iepenloftspullen. Mar Omropbaas wol it net allinnich dwaan, it tsjil fan it tv-drama is al lang útfûn, dus moat it mei help fan bûten barre. Steven de Jong hat ûnderfining mei film en

Trotwaer. Jaargang 32 501 soap, dus wat wolle jo no noch mear. Jild fansels, Omrop Fryslân hat 23 miljoen foar al har aktiviteiten, dus dat liket net sa bêst. Gaanderse en De Jong hâlde moed. Wolle mei in groep senarioskriuwers oan 'e gong. En dan goait Annemieke Gerritsma de kneppel yn it hinnehok. Se fynt it in plan fan neat. Hat ûnderfining mei senarioskriuwers en leaut net yn dy needlanning fan de hillige geast. Wol allinnich mar stypje as der minimaal op lanlik nivo prestearre wurdt. Steven de Jong wurdt wat lilk, hat by de senarioskriuwers dêr't hy yn it Westen mei wurke noch net it idee hân: ‘Jezus, wat een hoog niveau.’ Michaël Zeeman krijt it yn sa'n diskusje dochs mar foarelkoar: troch syn alerte lieding binne de Hillige Geast en de Soan al foar it fuotljocht kommen. De Heit is bûten de doar bleaun. Jos Thie kaam wol mei in deus ex machina: yn 'e Rânestêd wit elkenien wat net kin. Hjir leit dat oars. Hjir kin folle mear. Hy makket dat mei Tryater mei en sjocht dat der elke kear wer in nij model útrôlet. Steven sil wol slagje, tinkt Thie, dy't it lykwols net mei Gaansderse iens is dat der twa terreinen ûndersocht wurde moatte: serieus tv-drama en soap. Dat moat by elkoar komme op in nije tredde wei. Gaanderse en De Jong kundigje oan dat oer in jier oarspronklik Frysk drama op de Fryske televyzje te sjen wêze sil. Zeeman stelt de premjêredatum fêst op 1 novimber 2001. De seal hat noch neat sein. Piet Erkelens, fan de ID&Dtv, hat noch wol wat. Hoe siet it ek mar wer mei dy film dêr't elkenien in oere lyn mei safolle nocht nei sjoen hat? Makke troch in produksjebedriuw út Amsterdam, ûnder lieding fan in Belch...

It kloklieden

Orfeo Aqua fertsjinne lanlike belangstelling. Dy hat it fia dizze film krige, troch tadwaan fan in Amsterdamske produksjemaatskippij en in Belgyske senarioskriuwer/regisseur. Omrop Fryslân stjoert it lanlik út, mar it kin likegoed yn België of yn Italië foar de televyzje fertoand wurde. As it mei it Frysk drama ek sa fier komt soe dat moai wêze. Dêr moat wol nei stribbe wurde. Want as it allinnich mar om mear fan itselde giet, Goede Tijden Slechte Tijden op syn Frysk, dan kin dat ek yn it Nederlânsk, it Ingelsk, it Italiaansk of it Flaamsk. Fia organisaasjes dy't dêr jild foar ha. Regionale televyzje kin it jild dan better brûke foar ynformaasje. Of is taalbefoardering noch altyd in hoekstien? Noch even werom nei Bombrekken. It publyk by de opera hearde oan it begjin in klok lieden. De klok fan Sânfurd as it my net mist. Gjin opname, mar de echte klok dy't op dat selde stuit let waard. Oan de ein fan de film stiet Jan Arentz op in tsjerkhôf. En dêr klinkt dy klok. Wat moai dat Jacques Servaes oan al dy dingen tocht hat.

Orfeo yn Fryslân wurdt op snein 24 desimber útstjoerd, middeis om healwei twaen op Nederlân 1.

Trotwaer. Jaargang 32 502

Skriuwe en net achteromsjen? (4)

Uitzonderingen daargelaten, de laatste tien jaar weet ik me nauwelijks een boek te herinneren waarvan ik de inhoud vlekkeloos kan navertellen. M'n leescarrière is dus in dat tijdsbestek allesbehalve indrukwekkend verlopen. Zijn er dan helemaal geen verhalen die als een steen in de vijver van mijn geheugen zijn gevallen, maar die slechts door een toeval naar boven worden getild, juist omdat ze een (weliswaar literaire) werkelijkheid tonen die op z'n minst bijzonder is? Gelukkig wel. Een roman als De ontdekking van de hemel van Mulisch is, ondanks een aantal tekortkomingen, zo'n uitzondering. En ik krijg nog steeds een somber gevoel van een aantal intrieste passages in Hersenschimmen van Bernlef. Zo zijn er nog een handvol romans die zich nog met gemak laten ophalen in mijn herinnering. Maar het blijft een schamel aantal. Ligt het dan toch aan de kennelijk onuitroeibare drang van hedendaagse auteurs zich te laven aan het verleden, i.c. veelal zwartgallige jeugdherinneringen? Je zou het haast denken. Opvallend is dat veel romans van de laatste jaren in de verleden tijd worden geschreven. Het barst van de flashbacks, innerlijke monologen van bij voorkeur een evaluerend ik-persoon en (quasi-)filosofische beschouwingen over allerlei misstanden die zich eens in zijn of haar leven hebben voorgedaan. Egotrippers dus die lijken te koketteren met hun verdriet, hen aangedaan door de boze buitenwereld. Inderdaad, voor de meeste schrijvers is de ellende nog lang niet over. De welvaart stort immers in een steeds hoger wordend tempo nog meer ongeluk over ons uit? Cultuurpessimisme ligt in de moderne literatuur als het ware voor het grijpen. Een schrijver als Thomas Rosenboom tiert met z'n historische romans welig in dit klimaat, want in vroeger eeuwen bestond het mensdom ook niet uit lieverdjes. Op zichzelf is er niks op tegen dat schrijvers hun verbeelding laten voeden door het verleden. Zo is de tweede roman van Jessica Durlacher, De dochter, alleen al door de knappe structuur en ondanks de talloze gedachtestromen van één van de hoofdfiguren, een mooie roman. Maar de intrige vindt wel haar oorsprong in WOII. Met andere woorden: een boek hoeft niet bij voorbaat afgewezen te worden als de auteur gebruik maakt van een ‘oud’ verhaal. De kwaliteit en daarmee de leesbaarheid van een boek wordt niet alleen bepaald door de tijd die erin beschreven wordt, maar veel meer door een bijzondere structuur, authentiek taalgebruik en vooral de persoonlijke ‘lading’ die de schrijver in zijn boek verwerkt. Er moeten voortdurend vonken overslaan van boek naar lezer, niet zozeer omdat de lezer zich wil herkennen in het verhaal, maar vooral omdat hem de ogen worden geopend voor een werkelijkheid die hij tot nu toe nog niet had waargenomen. Behalve veel boeken waarin de auteurs het blijkbaar alleen te doen is om het ‘achterom kijken’, verschijnen er ook romans van veelal jongere schrijvers waarin veel meer gebeurt. Behalve aan Durlacher, denk ik aan schrijvers als Manon Uphoff, Joost Zwagerman en Marcel Möring. Daar hoort Herman Stevens dus niet bij. Ik kan me van hem namelijk geen enkele verhaal herinneren... Niettemin blijft er nog wel een handvol hedendaagse romans over waarin weliswaar veel achterom gekeken wordt, maar waarin toch nog heel wat te beleven valt. Douwe de Vries

Trotwaer. Jaargang 32 503

In kontroversjele Tryaterproduksje Piter Terpstra

De opfiering troch Tryater fan it op Grut-Brittanje spyljende toanielstik De gebedsgenêzer (Faith Healer) fan Brian Friel is in - alteast by it Fryske publyk -kontroversjele produksje. It stelt, benammen troch de foarm dêr't it ferhaal yn op jin takomt, easken oan de taskôgers. Gavin Garrick, dy't wûnderbaarlike genêzingen ferrjochtsje kin, wurdt beljochte troch trije persoanen, ûnder wa hysels. Yn in net ienfâldige yntriizje binne ek syn frou Grace en syn manager Teddy belutsen. Dizze trije figueren hâlde achter elkoar elk in monolooch. Der is dus yn it hiele stik mar ien persoan yn de sêne. Dêr sil it wol oan lizze dat boppe Sietse de Vries syn resinsje yn de Leeuwarder Courant stie: ‘It raarste stik dat Tryater oait spile hat’. Yn de tekst wurdt it trouwens wat minder stoef opsein: ‘Miskien wol it raarste stik dat Tryater oait spile hat.’ Faaks sil dit in part fan de trouwe Tryatergongers, dy't yn har artistike appresjaasje soms fier wei komme moasten, even ôfskrokken hawwe. Der waarden hieltyd mear stikken spile, dêr't in part fan it publyk, benammen yn de plakken sûnder in beropstoanieltradysje, oan wenne moast. Dàt it der oan wend rekke, is de grutte fertsjinste fan dit selskip en fan de betûfte en mei fantasy bejeftige regisseurs dy't elkoar yn de rin fan de jierren opfolgen. Lykwols, diskear is, sawol by it publyk as yn de parse, de fraach opkommen of Tryater net wat hoedener wêze moat mei de kar fan it repertoire. Driget it mei stikken as dit de bining mei in part fan de feste besikers te ferliezen? It is moai dat Tryater sa'n heech peil berikt hat, dat der ek yn de lanlike toanielwrâld hieltyd mear bewûndering ûntstiet foar it selskip dat hiel lang as allinne mar fan provinsjale betsjutting beskôge waard. Mar mei stikken as dit driget it de bining mei in part fan de fêste besikers te ferliezen.Tryater moat it, oars as de Nederlânsktalige beropsselskippen, foar in net ûnbetsjuttend part hawwe fan de besikers dy't eartiids benammen op it amateurtoaniel of semy-beropstoaniel rjochte wiene. No't der in tal opfieringen fan De gebedsgenêzer west hat docht al bliken, dat yn it skoft gjin of praktysk gjin minsken nei hûs ta geane, mar geduldich de foar somliken wat drege monologen oanhearre, wylst se dochs muoite mei it stik hawwe. Pas yn it tredde bedriuw, dêr't de humor yn trochbrekt en de typearring makliker werkenber is, wurde se foar in part oer de streek lutsen. Der binne lykwols ek guon dy't ferkundigje dat soks om har te'n earsten net wer hoecht. De trije persoanen dy't har eigen ferhaal oer de gebedsgenêzer fertelle wurde spile troch Jan Arendz, dy't Gavin treflik typearret, Klaasje Postma, dy't de tryste, troch it libben sleine Grace gefoelich spilet, en Romke Toering, dy't as de manager Teddy humor en tragyk mei in prima timing dosearret. It is de lêste, dy't it publyk it meast yn de besnijing krijt as hy oer in lyts minsklik drama fertelt. Dat hat him ôfspile doe't it bestelweintsje stikken rekke, dêr't se mei fan it iene plak nei it oare swalkje om Gavin syn genêzersjeften tapasse te litten, soms mei sukses mar faak ek sûnder. Se wiene trije kilometer bûten in doarp, mar it duorre dagen ear't der ien komme koe om de auto te reparearjen. Yn dat isolemint krige Grace, trije moannen te betiid, in bern. Grace raasde om 'e nocht om har man,

Trotwaer. Jaargang 32 504 dy't ôfstutsen wie. Teddy stie har by. It bern wie dea en tegearre hawwe se it, ear't Gavin werom wie, begroeven. It oarspronklike stik hat ek noch in koart fjirde bedriuw mei noch wer in monolooch fan de gebedsgenêzer. Tryater hat der goed oan dien in part fan de tekst dêrfan yn it earste bedriuw te ferwurkjen; oars soe it ta in antyklimaks kommen wêze. Myn konklúzje is dat Tryater mei dizze moderne klassiker in goede kar dien hat, ek al leit it somliken wat swier op de mage. It selskip bringt ommers geregeld wat makliker te fertarren produksjes (tink allinne mar oan Stanzi en Twa); Jos Thie soarget elk seizoen foar in goed ôfwoegen repertoire. Trouwe meiwurkster is ek al sûnt jierren Tryntsje van der Zee dy't ek no wer foar in oersetting yn byldzjend en linich Frysk soarge hat. Yn Faith Healer wurdt yn it tredde bedriuw troch de manager Cockney Ingelsk praat. De oersetster hat dêr, bystien troch Pieter de Groot, Stedfrysk fan makke. Romke Toering, dochs wol de stjer yn dit stik, praat dat treflik en bytiden fermaaklik.

Skriuwe en net achteromsjen? (5)

Wie een hedendaagse roman wil lezen, moet niet bij onze schrijvers zijn, want die kijken alleen maar achterom. (Herman Stevens, NRC Handelsblad 5/8/00)

Neffens it artikel fan Stevens soe de (in) hjoeddeiske roman it leafst woartelje moatte yn de iepen arbeidsmerk, yn de seinings fan de wolfeart; ferhelje moatte fan fiere en flugge reizen nei alle úthoeken fan 'e planeet. It klinkt net allinnich ûnynteressant mar ek feilich, wat heaks liket te stean op de eardere útspraak dat wy dêr (feilige literatuer) al genôch fan hawwe. Myn ynterpretaasje is dêrom dat Stevens ta wol op ûnfeilige literatuer yn in kontemporêne setting. Sa formulearre hat er gelyk: yn Nederlân gjin Douglas Coupland, gjin Brett Easton Ellis of Irvine Welsh. Dochs is it in dryst sizzen dat der yn Nederlân gjin hjoeddeiske romans skreaun wurde. Faaks is it fan in oare oarder (mei beskaat troch geografy en grutte), mar men kin dochs net ûntkenne dat u.o. Zwagerman & Giphart romans produsearje dy't yn it No ta hâlde. Harren populêriteit by de jongerein seit fandatoangeande genôch. Wat jo wol stelle kinne is dat it oantal eigentiidske romans ûnderdocht foar wurk dat weromsjocht. Soks is nei myn betinken ek it gefal yn 'e Fryske literatuer. Mar om't geografy en grutte te uzes noch swierder wage is it ferlet fan hjoeddeisk wurk navenant. Op dat mêd binne der lykwols tendinsen te bespeuren; nije nammen tsjinje harren drippendewize oan, mei wurk dat it No wjerspegelet. Wol is de fraach rjochtfeardige wat in hjoeddeiske roman krekt is. In neiere (en djipper dollende) definysje is winsklik; de begrypsbepaling dy't Stevens jout is al te sljochthinne. Willem Schoorstra

Trotwaer. Jaargang 32 505

In twaddehâns boek oer Klaas Koopmans Rudy Hodel

Peter Karstkarel, Klaas Koopmans, expressie van mens en landschap. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 160 siden. f 49,50.

Elkenien dy't wolris in boek of in skôgjende tekst skreaun hat, wit dat suverheid en helderheid belangrike kwaliteiten binne. Mei suverheid bedoel ik de definysje fan de taal en helderheid slacht foaral op de struktuer fan it ferhaal. Se meitsje of brekke in tekst. Foar my leit it kreas fersoarge boek Klaas Koopmans, expressie van mens en landschap, mei in tekst fan Peter Karstkarel en útjûn troch de Friese Pers Boekerij te Ljouwert, en ik wit eins net wat ik hjiroer skriuwe moat. Ja, it sjocht der wol moai út. It boek hat in kreas omslach, in hurd kaft, in moai formaat (240 × 225 mm.) en 160 siden full color. Mar it hat my in pear drege jûnen besoarge. Om earlik te wêzen: ik bin gjin leafhawwer fan Peter Karstkarels skriuwkeunsten. Hy bout syn teksten net echt op. Hy stelt my te min fragen en brûkt fierstentefolle sitaten. Je komme der hast net achter oft er it sels sjoen hat en je komme der ek net achter wat hy der sels fan tinkt. En dan dy grouwélige, flotte sjoernalistike styl, mei út en troch in djoer wurd of in oare populistyske stylbreuk. Ik kin der net oer. De lezer moat by him tusken de aardige anekdoates troch sels mar it ferskil tusken haad- en bysaken meitsje en op 'e siik gean nei fragen. En it boek oer Klaas Koopmans is spitigernôch gjin útsûndering. It begjint al op it omkaft: Klaas Koopmans, expressie van mens en landschap. My is altyd ferteld dat it wurd ‘expressie’ of mei it antlit fan immen te krijen hat, of op in siswize slacht of mei in gefoelsútdrukking (bygelyks yn in gedicht) te krijen hat. De subtitel ‘expressie van mens en landschap’ is dus - litte we it dêr mar op hâlde - net botte dúdlik. Fraach twa is: hoe iepenje ik de tekst fan in boek, dy't in skôging wêze wol fan it libben en wurk fan in ek troch my tige heechachte keunstner? Dat kin net op de wize fan Peter Karstkarel: ‘De familie kwam uit een heel andere hoek van Friesland dan waar zij is beland.’ We sitte hjir net yn 'e kofjekeamer fan de amateurgenealogen of wol soms? Ik ferwachtsje oan it begjin fan in keunsthistoarysk boek op syn minst in yntroduksjeferhaal, dêr't eat oer de needsaak of reden fan dizze publikaasje yn sein wurdt. Wat is de status fan de keunstner yn kwestje? Wat binne syn fertsjinsten? En wat binne de klisjees of it grutte misferstân of misbegryp, dêr't de auteur mei ôfweve sil? Mar nee. It libben fan Klaas Koopmans begjint mei: ‘De familie kwam...’ ensafuorthinne. Dat der no in warbere Stichting Klaas Koopmans is en dat immen, ek al hjit er Klaas Koopmans, 80 jier wurden is, kin gjin reden wêze foar sa'n boek. Der moat mear wêze. Fraach trije is: wat is relevante biografyske ynformaasje? Wy lêze op side 7: ‘Klaas vond sûpenbrij, karnemelksepap, vreselijk en had dit meer dan eens laten blijken.’ Is soks wier fan belang? Op side 11 stiet: ‘Tijdens het werk kwam een dochtertje van vier jaar binnengelopen die bij Neel nog de borst ging drinken.’ Is dit soms in rapport fan in sosjaal-maatskiplik wurker? En dan de sin op side 12: ‘Het gescharrel met Hinke begon toen een beetje en

Trotwaer. Jaargang 32 506 dat viel bij moeder Gerbrich niet echt goed, want Hinke was hervormd.’ Hie dat net wat oars kind? Klaas Koopmans hat yn syn libben mear as ien kear slim oerspand west. It hat net allinnich syn libben bepaald mar ek in grut part fan syn wurk. En dan skriuwt Peter Karstkarel op side 22: ‘Klaas Koopmans werd verteerd door een zeker complex dat anderen alles beter konden dan hij. Hij wist te veel in de vingers te hebben om een stumper te zijn, maar kon er niet mee omgaan. Dan sloeg de vlam in de pan.’ Wêrom brûkt de skriuwer krekt hjir in deade metafoar, ja, dommige klisjeetaal? Is it earste haadstik dan hielendal mislearre? Nee fansels net. Mar it hie allegear wol better kind. Sa hie ik bygelyks wol mear witte wollen oer Klaas Koopmans syn artistike ambysjes. Goed, syn heit, dy't ek ferver wie, tekene en skildere ek yn syn frije tiid. Mar wêr helle immen út Garyp krekt foar en foaral yn de oarloch de grutte dream en de moed wei om keunstner te wurden? Wêrom wie Klaas Koopmans oars as alle oaren? Wêrom woe er de wrâld feroverje, ja, de wrâld brekke, sa't Karstkarel skriuwt? Hiel aardich binne de beskriuwingen fan Klaas Koopmans' kontakten mei oare skilders, fan wa't er les krige of mei wa't er opluts, lykas Jaap Rusticus, Pier Feddema, Jan van der Bij en Sjoerd Huizinga. Wat my ek wol nijsgjirrich like hie, wie de fraach (oan Klaas Koopmans) wat dy mannen fan Yn 'e line no krekt wisten of sjoen hiene. Mei oare wurden: hoe seagen harren foarbylden derút, wat wienen de helden en hoe grut wie harren ynfloed. En wat wie no krekt de relaasje mei de Grinzer beweging fan De Ploeg of wie der neat, behalven de lessen fan Herman Dijkstra? Ek gjin wûnder fan helderheid is Karstkarels earste beskriuwing fan Koopmans syn ûntwikkeling as keunstner. Op side 31 stiet: ‘Klaas Koopmans heeft zich niet op de traditie van het trouwhartig figuratieve geconcentreerd. [...] Hij heeft een eigen uitdrukkingswijze gevonden: zonder het figuratieve los te laten, heeft hij de bijzondere materialisatie van verf, inkt of krijt vooral laten spreken.’ Dat liket hiel wat, mar je kinne der neat mei. It is de selde kromme taal as de ‘expessie van mens en landschap’. In pear siden fierderop skoart Karstkarel wol punten as er seit dat syn keunst û.o. weikomt út in konsintrearre oandacht foar it wêzentlike dat er wiernimt yn 'e natoer om him hinne. Mar it hâldt net oer. It hie neffens my better west en meitsje in eigen analyze fan in tal wurken út alle wichtige fazen fan syn libben. Meitsje in beskriuwing om dy ûntjouwing oan te jaan. No bliuwt alles stykjen yn in searje sitaten fan alle minsken, dy't ea oer it wurk fan Klaas Koopmans skreaun ha. No is letterlik alles twaddehâns. Dizze krityk wie grif mylder útfallen as de auteur Klaas Koopmans op side 48 net ôfskildere hie as ‘een waarachtig ruraal kunstenaar’. It is folsleine kolder om in wurd dat foaral yn de sosjale geografy brûkt wurd, ta te passen op de keunst. En dan it absolute hichtepunt: ‘Koopmans is een beschaafd man, kent de stedelijke cultuur, maar neemt er slechts node aan deel en blijft dan ook zichzelf.’ It liket ferdomme Joseph Conrad wol as er it oer de negers fan Afrika hat. As Peter Karstkarel noch ien kear it wurd beskaving neamd of it wurd ruraal, dan soal ik al syn boeken by it âld papier. En omdat ik wit dat hy it wurd ruraal fan Sjoerd Leiker liend hat, kin dy ek moai de kontener yn.

Trotwaer. Jaargang 32 507

Trioel Sûnder mis yntelliginte preken op it Aljemint.

Ljouwert, 15 novimber 2000, Fryske Akademy: presintaasje fan de essees fan Jo Smit, mei in lêzing fan Jabik Veenbaas, Trinus Riemersma en Alpita de Jong.

Jo Smit hie har nea frege om dit te dwaan ta syn neitins, mar se stiene der! Devoatlik op in rychje achter it alter, pryster Piter en syn mispeltsjinners: Babs Gezelle Meerburg as nijmoaderige Marije mei in berntsje yn 'e búk, trije dochters fan Jo, aardige Doeke dy't neffens Rome dêr alhiel net stean meie soe, Jabik Veenbaas yn alba as pleatsferfanger fan Jo op ierde, folgeling Trinus Riemersma mei syn homily fan trije punten yn 'e bûse, en Alpita de Jong dy't even letter har (sa't Babs har seksegenoat oandwaanlik witte lit) in werklik yntelliginte lêzing hâlde sil. Under it útsprekken fan rituele wurden dronken se op it nije libben: De moderne roman as moraliteit fan Jo Smit. Dat koe, want Piter Boersma hie foar dy gelegenheid spesjaal de liifdrank fan de skriuwer oantúgd: Mispelbloesem-noch-wat. Ik ha my wol fermakke woansdei 15 novimber, dêr giet it net om, mar mei't ik wer hearre moast dat it yn de moderne literatuer benammen om de foarm giet en dat de ynhâld sels gearfalt mei de foarm, freegje ik my mei ferwûndering ôf wêrom't der by presintaasje- of stúdzjejûnen net ris neitocht wurdt oer wat oare (wurk)foarmen. De Flaamske professor Schadée, heechlearaar kommunikaasje, hâldt ús al jierren foar dat in minske fan dizze tiid heechút acht minuten (en dan giet it bêst!) it kopke derby hâlde kin as er de oanbeane stof allinnich audityf ferwurkje moat. It aardige fan Schadée is trouwens dat er de teory dy't er propagearret by syn presintaasjes wiermakket. Hy docht wat foar syn publyk om it by de les te hâlden. Goed, Trinus joech ús mei in net al te lang ferhaal yn trije dúdlike punten noch wat stipe, mar ik moat spitich genôch konstatearje dat ik sûnder oantekeningen gjin wurd neifertelle kin fan de lêzingen dêr't sawol Jabik Veenbaas as Alpita de Jong sûnder mis in soad tiid yn stutsen ha. Wa wit bin ik de iennige dy't fan miening is dat de foarm dêr't dizze jûnen yn getten wurde slim achterhelle is. En wa wit hat Piter Boersma tocht, (syn eftergrûn dêrmei net ferleagenjend) dat der mei mis yn alle gefallen noch wat te sjen, te rûken en te priuwen wêze soe, sadat it omsittend laach aktyf bleau. Hy hie alteast by de Mitra geastryk focht ophelle. Bliuwt it by ien sa'n kreative mis(pel)foarming of is dizze aksje de histoaryske oanset ta in breanedige reformaasje? Marga Claus

Grêf te Blauhûs

Yn it foarige nûmer stiet in ferhaal oer it Frysk Festivalbarren om en de by Abbegea. Atze van Wieren, de skriuwer fan it stil, siket as hy yn dy kontreien omswalket, op it hôf fan Blauhûs om it grêf fan de jonge, dêr't G.K. van 't Reve destiids in fers oer skreau. No lit Van Wieren yn dat ferhaal in frou, dy't njonken him yn it tsjerkje fan Westhim sit, sizze: ‘Ja. Dat gedicht gaat over Gerrit Rijpma, een neef van mij.’ (Dat

Trotwaer. Jaargang 32 kin klopje.) ‘Hij is door de Duitsers doodgeschoten toen de oorlog al bijna voorbij was. Hij was de zoon van mijn

Trotwaer. Jaargang 32 508

It bidprintsje fan Gerrit Rypma moeders zuster. Zij heeft later naast Reve in Greonterp gewoond. Ze was met Hofmeijer getrouwd.’ En dat kloppet net alheel. Sjoch, oan it ferrin fan in ferhaal dogge soksoarte details miskien net folle ôfbrek, mar as Van Wieren dan dochs de minsken by namme en tanamme neamt moat it ek goed gebeure. Frou Hofmeijer (Sjieuke Rypma) wie nammentlik net de mem mar in suster fan Gerrit. Ik ha as bern wol op 'e pleats op Abbegeaketting útfanhûze (1948), de pleats dêr't Gerrit grutbrocht is. Omke Johannes en muoike Henderina Rypma - hja wiene einliken in âld-omke en muoike fan my, ús beppe wie in suster fan omke Johannes - hiene in húshâlding fan alve bern, dêr't Gerrit de jongste fan wie. Dy moarns, 8 febrewaris 1945, wie hy mei broer Ypke de lannen yn roeike om't der in razzia ferwachte waard. Plat op 't liif, achter in hikke wachten hja ôf. Gerrit moat him doe, alhiel yn panyk, ferweegd hawwe. De Dútsers skeaten. Trochseefd fan dum-dum kûgels hat syn broer him nei hûs ta weromroeid. By in fisker, oare kant it wetter stoar Gerrit. It is al frijwat jierren lyn dat it grêf fan him romme is en syn omskot nei it eare-tsjerkhôf te Loenen gie. It bidprintsje fan Gerrit ha 'k altiten bewarre. It lit syn portret sjen; itselde as dat destiids op it grêf fan Blauhûs stie. Berber van der Geest

Trotwaer. Jaargang 32 509

Bob Dylan net, Meindert Talma wol yn 'e prizen?

Takom jier wurdt de Gysbert Japicxpriis wer útrikt. Net foar proaza òf poëzy, sa't Provinsjale Steaten foarich jier desimber yn in moasje frege ha, mar gewoan wer foar ‘it bêste wurk’ fan de ôfrûne trije jier en eventueel foar ‘it hiele oeuvre fan in auteur’ (dy't yn dat tiidrek dan wol in publikaasje hân hawwe moat). De sjuery, diskear besteande út de neerlandikus Korrie Korevaart, de germaniste Tony Visser, beide út Leien, en de histoarikus-sjoernalist Geart de Vries, hat de earste suggestjes al krigen. Ien dêrfan fan Folkert de Jong. Dy kaam op 18 novimber yn in sprutsen kollum op It Literatuerfabryk yn it Ljouwerter Theater Romein mei it útstel om ek de muzykteksten mei te nimmen.

In pear jier lyn stie yn de kranten it berjocht dat in groepke Amerikaanse literatuerwittenskippers Bob Dylan nominearre hienen foar de Nobelpriis foar de literatuer. In protte minsken, fan dy fyftigers mei bêste banen, fûnen dat in aardige grap. Bob Dylan. De hippytiid. Ferskes by it kampfjoer. Peace on earth en hasj troch de tabak. Frije seks en demonstrearje tsjin... ja, wêr demonstrearren we doe ek al wer tsjin. Tsjin alles, is 't net sa? En de oanstichter fan dat alles moast no de Nobelpriis foar de literatuer ha? Ach, wêrom ek net. Ik fûn it doe net in gek idee om skriuwers fan lietteksten ek te besjen as it giet om it takennen fan literatuerprizen en sa tink ik der noch oer. Doe't ik Frysk studearre en in ûnderwerp socht foar myn ôfstudearskripsje ha ik my ferdjippe yn alle teksten fan alle Frysktalige popgroepen. Dat koe fyftjin jier lyn noch want dat wienen der doe noch mar fiif en dy hienen noch net sa'n grut repertoire. Myn skripsjebegelieder, Trinus Riemersma, hie ek in protte aardichheid oan de literatuersosjologyske benadering fan dit ûnderwerp. Foar him wie it gjin punt fan besprek: lietteksten hearre ek by de literatuer. Mar is Bob Dylan no wol de earste man dy't foar de Nobelpriis foar syn lietteksten yn oanmerking komt? Ik fyn fan net. Wa't syn teksten djipgeand neamt, wit grimmitich songen ûnbegryplikens net fan djipsinnichheid te ûnderskieden. Dylan brûkt bytiden hiele gekke metafoaren, hy lit wurden op elkoar rymje dy't net rymje, ‘cow’ op ‘man’, guon teksten binne op papier lange lulferhalen dêr't gjin ein oan komt en elkenien dy't de kursus ‘filosoferen met kinderen’ folge hat sil de trúkjes út Dylans gûcheldoaze werkenne. It is net sa dat al syn teksten ta weismiten keard binne, mar de kwaliteit is hiel wikseljend. Nee, dan binne der wol oaren dy't bettere lietteksten skreaun ha. Auteurs dy't teksten skreaun ha dy't goed rinne, lekker bekke, mei humor en selsspot, fraaie byldspraken, moaie klankeffekten, lieten dêr't tekst en muzyk perfekt byinoar passe. Der binne minsken dy't ferskillende stemmingen prachtich ferwurdzje kinne. Ik soe sels graach Ray Davies fan The Kinks of David Byrne fan The Talking Heads nominearje foar de Nobelpriis. In pear jier lyn krige ik in bantsje fan myn maat Fokke Wester, in yngreven Dylan-fan. Hy hie de lêste CD fan Dylan foar my op in bantsje set. Op de achterkant hie er ek wat set: ‘muzyk fan in jonge út Surhústerfean, wat apart mar wol moai’. Ik stoppe it bantsje yn myn walkman, yndied prachtige muzyk fan Dylan. Doe de oare

Trotwaer. Jaargang 32 kant, Meindert Talma mei syn oargeltsje. Doe't Meindert dien wie, ha ik it bantsje weromspield en wer draaid, hieltyd wer. Meindert Talma hat Bob Dylan ferslein. Ik ha Dylan net wer heard. Meindert moat yn oanmerking komme foar de Gysbert Japicxpriis. Folkert de Jong

Trotwaer. Jaargang 32 510

Fokkema

De Kristlik Frysk Selskip-beweger Klaes Fokkema, perfester, hat syn striidberens ta utering brocht yn de namme fan syn soan: hy neamde him Redbad. Myn soan sil tinke, sa tocht de wize man, dat er dan ek kening fan Frisia Magna wurdt. Sa bin ik Petrus neamd troch myn heit, dy't mar lapkepoep wie, mei it idee: ús Piet dy wurdt paus. Ferdomme noch ta! Yn Dútslân moatte miljoenen jonges oait Adolf neamd wêze, mar dêr hearst noait mear wat fan. Adolf Kohl hat him allang omneame litten. Nei de oarloch, al dy Adolfkes, allegear omneamd, wat in drokte. De foarâlden fan ús oansteande kening Redbad hawwe har nei de Frânske tiid mei doel Fokkema neamd. Ut jim geslacht sil ienris de grutte hearsker opstean, dat fokke ma. Syn heit sil him Redbad neame, mar hy sil dy namme fersmite. Want yn dyselde snuorje sil it antyfryske meunster Petrus syn kop út 'e sompe opstekke en dy sil jim soan mei fluenske praatsjes nei Leien ta troaie en him perfester meitsje yn 'e Hollânske dichtkeunst. Hy sil him omneame ta Radboud en him tagelyk beskermhear meitsje fan de stifting mei deselde namme ta ferearing en devoasje fan ús hillige Titus, oprjochter fan de Fryske Akadeemje as ûnderôfdieling fan it Fatikaan en ressortearjend drekt ûnder de Hillige Stoel. Yn it hillige jier twa tûzen lykwols is de wiere Redbad ferskynd oan de royalist Trinus Riemersma, yn in dream. Dizze oerfryske kening dy't op syn stjerbêd frege, doe't er doopt wurde soe: mar kin ik dan ek fike (âldfrysk foar neuke) yn 'e himel, nee dus, dan giet it feest mar oer, dy hat, Redbad dus, de royalist Riemersma op 'e hichte brocht fan de kûperijen fan Petrus en Radboud om de Hillige Stoel nei Ljouwert te bringen. Syn flamjend protest ferskynde yn alle media en soarge foar in bisteftigen opskuor. Radboud, de dichtperfester, waard ûntmaskere, kidnapt en yn 'e Aldehou ta kening kroand. Syn wjeraksel: mar myn fader het allenig maar wat an ut leuwaddes deen, waard wjerlein mei: nammerste better. Petrus waard ek snipt en mei in tou om 'e hals de bûtlannen fan 'e Snitser mar ynjage, dêr't er oer twa tûzen jier as feanlyk - Grouballeman - opgroeven wurde sil. Riemersma waard beneamd ta bûnskânsler seku opperkorrektor en spriek: wol ferdomme Sire, mei jins wolnimmen, dit hâldt wat yn. Op 'e fraach hoe't er dy gemiene kûperij ûntdutsen hie, sei er yn al syn ienfâld: earst seach ik it net troch dy kolombrek, mar tweintich jier letter wol, tomme nochta! Want hy woe der gjin wurd fan ha dat er de echte Redbad sjoen hie. Mar it nije keninkryk soe optille fan 'e korreksjekampen. Piter Yedema.

(Sjoch ek: Tr. Riemersma, ‘Anty-Fryske sentiminten’, Trotwaer, oktober 2000.)

Trotwaer. Jaargang 32 511

Nije útjeften

Nije Frysktalige útjeften yn it tiidrek 1 septimber - 1 novimber 2000. Oanfollings binne wolkom by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Grutte Tsjerkestrjitte 212, 8911 EG LJOUWERT; 058 2120834, [email protected].

Belletry

- Piter Boersma, De klûs fan Copmanshurst. Omslachûntwerp: Ed de Boer. Koperative Utjowerij, Boalsert. 157 siden, f 29,50 - Marga Claus, Oxzana. Ferhaal fan in flechtling. Skilderij omslach: Hans Claus. Omslachûntwerp: Gert Jan Slagter. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 322 siden, f 34,50 - Bennie Huisman, QUATTA - Reisskrift 2000. Utjouwerij De Goedkoope Winkel, It Hearrenfean. 52 siden, f 12,50 - Jurjen van der Kooi, De nachtmerje fan Rawier. Omslach: Chaim Mesika. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 320 siden, f 42,50 - Willem Tjerkstra, Ridder fan Snits. Histoaryske roman oer Rienk Bockema. Diel II. Skuld. KFFB Nû. 412. Kristlik Fryske Folksbibleteek, Aldehaske. 217 siden, f 24,90 - Marten Toonder, Uniek, hm... unyk (twatalich). Fryske oersetting: Harke Bremer en Jarich Hoekstra. Le Chat Mort, Ketlik. 144 siden, f 44,95

Berneboeken

- Dick Bruna, Leave beppe Pluis. Fryske oersetting: Akky van der Veer. Bornmeer, Ljouwert. n.p., f 12,50 - Dick Bruna, Pake en beppe Pluis. Fryske oersetting: Akky van der Veer. Bornmeer, Ljouwert. n.p., f 12,50 - Geartsje Douma en Hindrik van der Meer, Deuntsjes foar dy. Yll.: Marijke Klompmaker. Afûk, Ljouwert. 79 siden, f 27,50 - Guido van Genechten, It grutte poepertsjeboek. Fryske oersetting: Hermien van der Meer. Afûk, Ljouwert. n.p., f 26,90 - Bob Graham, Pier. Fryske oersetting: Hermien van der Meer. Afûk, Ljouwert. n.p., f 27,50 - Sjoerd Kuyper, Robin en God. Inferhaal foar bern yn it Frysk. Fryske oersetting: Hylkje Goïnga. Omslachyll. en tek.: Sandra Klaassen. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden/Ljouwert. 103 siden, f 27,50 - Auck Peanstra, Kattekwea en bargetriennen. Aksjeboek foar bern 2000 nû. 14. Omslach en yll.: Karin Poiesz. Koperative Utjowerij, Boalsert. 88 siden, f 5,00 by oankeap fan op syn minst f 10,00 oan Fryske berneboeken, oars en nei 1 novimber 2000 f 17,50

Trotwaer. Jaargang 32 - Auck Peanstra, Kattekwea en bargetriennen. Twadde printinge. - Auck Peanstra, Keutels by de kofje. Yll.: Ingrid van der Kallen. Afûk, Ljouwert. 84 siden, f 22,50 - Mindert Wijnstra, Ast gelok hast. Yll.: Wijnstra, Babs. Afûk, Ljouwert. 96 siden, f 24,90

Ferskaat

- Johann Sebastian Bach, Soli Deo Gloria. INTRADA, It Hearrenfean. 61 siden, f 35,00 - Bernard Smilde, Sjonge mei Bach. 14 lieten foar mingd koar. INTRADA, It Hearrenfean en Bibelferkeapkommisje ‘Net fan brea allinne’ (Kristlik Frysk Selskip). 16 siden, f 5,00

Dichtwurk

- Wilco Berga, Eilânliet/Eilandlied. Foarmjouwing: Berga-Blokland. Fotowurk: Piter Doele en Tanja Blokland. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 57 siden, f 32,50 - Eeltsje Hettinga, Dwingehôf. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. Steven Sterk, Utjouwer Utrecht. 54 siden, f 49,50 - Age Tanja, It paad werom. Gedichten 1999 oant 1939. Omslach: Remco Heite. Koperative Utjowerij, Boalsert - Harmen Wind, Op sân. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert. 79 siden, f 24,90

Neikommen Belletry

- Lida Dykstra, Wolken fan wol. Yll.: Hubertus de Jong. Foarmjouwing: Gert Jan Slagter. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert. 127 siden, f 26,50 - Marten Toonder, De Unistan. Fryske oersetting: Harke Bremer en Jarich Hoekstra. Le Chat Mort, Ketlik. 99 siden, f 24,95

Trotwaer. Jaargang 32 512

Meiwurkers

Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 it Hollânsktalige ferhalebondeltsje De kristallen stad, mar skriuwt sûnt in pear jier leaver yn it Frysk. Pieter van den Berg (1950) is parttime lezer. Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. Marga Claus (1955) is edukatyf wurkster by it Friesland College yn Snits. Jout lessen Nederlânsk en digitale feardigens, fan it 0-nivo ôf, d.w.s. oan analfa- en digibeten. Yn septimber ferskynde fan har Oxzana, ferhaal fan in flechtling. Sikke Doele (1942) is keunstredakteur fan de Ljouwerter Krante. Publisearre literêr wurk Podium, De Tsjerne, De Strikel en Sonde, dêr't er ek redakteur fan wie. Krige yn 1971 in Rely Jorritsmapriis. Yn 1977 ferskynde syn dichtbondel It swiet geniet, yn 1999 syn proazadebút De Gouden Teeman. Babs Gezelle Meerburg (1964) wie as letterkundige ferbûn oan de Fryske Akademy. Hja ûndersiket nei-oarlochske Fryske literatuer en literêr wurk út it midden fan de njoggentjinde ieu. Oan de Universiteit van Amsterdam is hja dosint taalbehearsking en oan de Universiteit Grins jout hja kolleezjes oer moderne Fryske letterkunde. Fierder resinsearret hja poëzy foar de Ljouwerter Krante. Pieter de Groot (1946) redakteur Leeuwarder Courant, âldredakteur De Strikel en it Strikelboek. Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. Eric Hoekstra (1960) is meiwurker fan de Fryske Akademy. Frans Holwerda (1938-2000). Studearre sosjale geografy en skiednis yn Grins. Wie leraar/konrektor oan Stedske Skoallemienskip te Ljouwert. Wie yn syn lêste jierren warber yn ‘de Fryske skriuwerswrâld’, û.m. as skriuwer fan de KU. Fan him ferskynde de dichtbondel Wâldmans hikke (1997). Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. Piter Terpstra (1919) skreau fjouwer toanielstikken en ien oersetting út it Ingelsk foar Tryater. Syn lêste stik wie (in pear jier ferlyn) Marijke Meu. Hy hat diel útmakke fan de Commissie beoordeling toneelgezelschappen van de Raad voor de Kunst. Toanielkritiken fersoarge er foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân.

Trotwaer. Jaargang 32 Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995). Douwe de Vries (1946) is learaar Nederlânsk en resinsint fan û.o. it Friesch Dagblad. Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learareoplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Hollânsk wie Plaatselijke Tijd, yn it Frysk ferskynde koartlyn Op sân. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten. Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsje- en stikjeskriuwen en mei skilderjen. Johan van der Zee (1942) wurke as redakteur by de Fryske Utstjoering fan de Regionale Omroep Noord en Oost, stapte dêrnei as redakteur-ferslachjouwer yn Fryslân oer nei it televyzjeprogram Van Gewest tot Gewest. Skreau yn Frysk en Frij oer media.

(Basearre op troch de auteurs oanlevere gegevens).

Trotwaer. Jaargang 32