<&mt<lG/SK JtéR&O€KJ€ Nr 292 ûnder redaksje fan W. Dolk, G. Dykstra Hsn, D.J. van der Meer H.G. van Slooten en J. Visser. Provinciale Bibliotheek van Friesland ' ' 4 GENEA1X)GYS K WURKFORBAN FAN DE FRYSKE AKADEMY LJOUWERT 1967 Ynhâld G. Dijkstra Hsn., Koart oersjoch 1965/6 fan de wurksumheden fan it Genealogysk wurkforbân J. Visser, hist. drs. , Jierforslach 1965/6 fan de Fryske Rie foar Heraldyk G. Dijkstra Hsn. Ynljochtings A. Brinksma. In skipper A. de Vries, Kwartier staat van Siebren van Terwisga D. J. van der Meer, Hiddinga-state to Mantgum D. van Dijk, V. D. M. , De neiteam fan Jencke Aerns en Anna Dircksdr. J. T. Anema, It selskip "Frisia" to Leijen, I Jhr. M. J. van Lennep, hist. drs. , Genealogie Olivier KOART OERSJOCH FAN DE WURKSUMHEDEN FAN IT GENEALOGYSK WURKFORBAN FAN DE FRYSKE AKADEMY septimber 1965 oant septimber 1966 Us foarsitter, de hear D. J. van der Meer, dy't yn augustus 1965 slim siik waerd. wie noch net safier opknapt, dat hy it foarsitterskip waernimme koe. Op ús gearkomsten de ôfroune winter hie dêrom ien fan de oanwêzige bistjûrs- leden de lieding. Wy forwachtsje lykwols. dat de hear Van der Meer syn funksje straks wer waernimme kin; wy winskje him folsleine betterskip ta. It bistjûrkaem bigjinoktober 1965 gear om it wurkplan 1965/66 tobisprekken.. Us earste mienskiplike gearsit wie op sneon 16 oktober mei as sprekker de hear B. Knol to Assen oer "Het familieboek Wouda; een Schoterlands geslacht". De seal yn it Coulonhûs wie hast to lyts: der wienen sa'n tachtig oanwêzigen. Om't der inkelde fan ús leden binne, dy't ornaris sneons net komme kinne. hawwe wy de folgjende gearsit holden op freedtojoun 26 novimber. De wnd. foarsitter bitinkt yn in koart "in memoriam" ús foarige skriuwer, de hear R.S. Roorda, dy't op 7 novimber hommels wei kaem to reitsjen; op tongersdei 11 novimber hawwe de bistjûrsleden fan ús wurkforbân him to hôf brocht to Brit- sum. It Genealogysk Jierboekje 1966 is krekt op'e tiid ré-kommen: it earste eksemplaer waerd troch de hear H. G. van Slooten útrikt oan de wnd. foarsitter, de hear Drs. J. Visser. Ek dit 16e jierboekje jowt wer in rynsk forskaet oan gegevens. De hear A. de Vries to Ljouwert hold in lezing oer "Yn tsjinst fan'e mienskip; fan potestaet oant maire". De hear A. B. Dull tot Backenhagen kaem dêrnei noch mei in praetsje en in plaetsje oer heraldyske kunstwurken. Op sneon 8 jannewaris 1966 kaem de hear A. de Vries mei it forfolch fan syn lezing "Yn tsjinst fan'e mienskip". Sneon 26 febrewaris hat Ds.D. van Dijk to Ljouwert it wurd hawn oer de ge- nealogy Dotinga. Dit ûnderwurp waerd dokumintarysk bihannele fan 1811 ôf werom. Us léste lezing fan dit winterhealjier waerd holden op 26 maert mei as sprekker de hear S. J. van der Meer to Ljouwert oer de Snitser flechtlingen. De hear J.Y. Feenstra die forslach fan in jubileumgearsit fan de Arbeitsgruppe Familienkunde und Heraldik der Ostfriesischen Landschaft op 12 maert, dy't hy en de hear Dull as fortsjintwurdigers fan ús wurkforbân bywenne hienen. Al ús gearkomsten waerden yn it Coulonhûs to Ljouwert holden. Utsein de foarste gearsit hie de bilangstelling folie better wêze kinnen. Dit hat fansels syn oarsaken. Forskate fan ús âlde leden binne forstoarn of om utens tein. Wol it wurkforbân ek yn de takomst bloeije, dan sille wy de bilangstelling foaral fan de jongerein winrie moatte. Yn it ôfroune jier hawwe wy, bihalven de hear Roorda, nóch twa âlde mei- wurkers forlern, to witten: de hear Y. M. Sjaarda fan Easterein, dy't praktysk op elke gearkomste kaem en altiten tige opbouwend dielnaem oan it neipetear, en de hear P. H. Wagenmakers fan Dronryp, dy't tige aktyf wie yn it sammeljen oangeande gevelstiennen yn Fryslân. Fierder moat hjir it forstjerren meidield wurde fan Landschaftsrat Klaas Kempe op'e Osterburg to Groothusen (Krumm- hörn). de sympatike foarsitter fan de boppe al neamde Arbeitsgruppe fan de Ostfriesische Landschaft, dy't ús ûnderskate kearen bisocht hat en in tige foar- stanner wie fan it meiïnoar-oparbeidzjen tusken ús beide wurkforbannen. Ek dit jier hat ús fotograef de hear H. de Vries wer warber west mei it fo- tografearjen fan grêfstiennen, binammen to Dokkum en Hilaerd. By restauraes- jes fan tsjerken graech goed op'e tiid birjocht oan de Fryske Akademy, tel. 05100-26444. .__ Kopy foar it folgjende jierboekj,e kin oant 1 july 1967 ynstjûrd wurde oan de hear W.Dolk, Gemeentearchyf, stêdhûs to Ljouwert. G. DIJKSTRA Hsn. , skriuwer. 3 FRYSKE RIE FOAR HERALDYK JIERFORSLACH 1965/66 Yn de gearstalling fan de Rie kamen dit forslachjier inkelde foroarings. Us lid de hear W. Tsj, Vleer wie spitigernôch om redenen fan sounens twongen syn wurksumheden to biheinen en dêrom ek foar ús Rie to bitankjen. Lokkich fou- nen wy in nij lid yn de hear J. C. Terluin fan Beetstersweach, dy't him de léste jierren kenne litten hat as in kundich heraldikus. Folie wichtige saken binne der oars dit jier net bard. Op de Sneon- en snein- side fan de Ljouwerter krante fan 26 febrewaris kaem de heraldyk to praet nei oanlieding fan fraechpetearen mei de hearen Dull tot Backenhagen en Terluin; hjir waerd de aktuële bitsjutting fan de heraldyk yn it ljocht steld en de flaters dy't der op dit mêd noch faken makke wurde. Op it aljemint kamen û. o. flaters yn "offysiële" gemeentewapens en yn de ôfbyldings dêrfan yn in dit jier to Ljouwert forskynd boekwurk. heraldyske kunst (fan beide hearen bioefene), de frijheit fan gebrûkfan provinsiale en gerneenteflaggen en de bitsjutting fan gri- tenij- en stêdskroanen. Nei oanlieding fan dit léste waerden inkelde ynstjûrde stikken wiksele tus- ken mr. G. A. Bontekoe en de. skriuwer. Fierder s'bi'ìvere ' him foaral de hear Dull foar in goed gebrûk fan kroanen, Û. o. troch ynstjûrde stikken yn forska- te blêdden. Sa polemisearre er yn it Groninger Landbouwblad mei de hear H. W, M. J. Kits Nieuwenkamp oer einierdekroanen en rang- en helmkroanen, en briefke er mei jhr. ir. A. N. J. van de Poll to Zeist oer de biskriuwing en ôfbyl- ding fan rangkroanen. It fraechstik dat him hjirbei foardocht is it folgjende. As men jin de kroane foarstelt as in romtelik ding en net inkeld as in tekene figuer, is it tal fleurons en pearels greater as Irwat men op in ôfbylding sjocht. Yn it algemien wurdt nou by de biskriuwing inkqld it tal neamd, dat op de ôfbyl­ ding sichtber is, mar de hear Van de Poll wie fan bitinken. dat hjirby ek dy fan de achterkant meiteld wurde moasten. Foar de dúdlikens like it ús better om der dan by to foegjen: hwerfan sa- en safolle sichtber. Sjoch ek Gens Nostra XXI. 1966, siden 80/1 en 326/7. Ek op oar mêd wie ús lid Dull op syn iepenst om heraldyske forskynsels kritysk to bisjen. Hy utere syn biswieren tsjin in nij Frysk wetterskipswapen en waerd sels net bang fan de grimmitige liuwe-skyldhâlders fan it Rykswapen oan it Paleis fan Justysje to Ljouwert. Wy diene war om de útjower fan de Provinsiale almanak fan Fryslân to bi- praten ta in bettere heraldyske foarmjowing fan omslach en titelblêd en ta it opnimmen fan gemeente- en wetterskipswapens, mar de kosten wiene hjirfoar foarearst noch in to great biswier. It ynfieren fan doarpswapens yn Wûnseradiel is troch forskate omstannich- heden noch net ta in útdragene saek kommen. Meikoarten hoopje wy lykwols hjir resultaet mei to hawwen. Lyk as foarige jierren hiene wy korrespondinsje mei forskate partikulieren oer famyljewapens enáfh. Om in tìnkbyld fan de forsprieding to jaen, neame wy hjir ris it rychje nammen en wenplakken fan dit forslachjier: L. Bouma op'e Gerdyk, G. B. Eerdmans to Brussel, M. Feikema to Amersfoort, J. W. Heringa to Leijen, L. J. Hylarides to Voorburg, S. J. Schurer to Haerlim en mrs. J. Strickland-Bouma toBellflower (Cal.). Meastentiids skriuwe sokke partikulie­ ren oan de Akademy, dy't de brieven dan oan ús trochstjûrt. J. VISSER, skriuwer. 4 oangeande inkelde iepenbiere ynstellin- gen, kommisjes, forieningen, ensfh.,dy't wurksum binne op it gebiet fan skiednis, âldheit- en geakunde, geslacht- en wa- Ynljochtings penkunde yn de provinsje Fryslân. De Fryske Akademy Drs. F. J. Bergstra, foarsitter Mr. T, J. Kingma, skriuwer Mr.R.Heeg, skathâlder Prof. Dr. M. W. Heslinga Drs. H. J. Oldenhof Drs. S. van Tuinen direkteuren: Mr. Dr. K. de Vries en K. Sikkema direkteur Paedagogysk Advysburo: G.H.Vledder adjunct-direkteur: Dr. Y. Poortinga direksje-sekretaresse: jfr. D. Wijnterp wittensk. amtner Ie kl. : D. S. Tamminga wittensk. amtners: H. S. Buwalda en jfr. Drs. G. A. Piebenga haed ôfd. streekûndersyk: Drs. J. J. Spahr van der Hoek skriuwer Súdwesthoekekommisje: Drs. G. Bakker administrateur: F. E. J. Bijkerk Historysk wurkforbân: Drs. H. J. Oldenhof, foarsitter Drs.G. Abma, skriuwer, Ljouwert, Nijlânsdyk 225b Nammekundich wurkforbân: , foarsitter Drs. J.J. Spahr v. d. Hoek, skriuwer, Beetstersweach, Opper-Uterburd Genealogysk wurkforbân: D. J. van der Meer, foarsitter G. Dijkstra Hsn, , skriuwer, Ljouwert, G. Terborchstrjitte 7 Fryske Rie foar Heraldyk: D. J. van der Meer, foarsitter Drs. J. Visser, skriuwer, Ljouwert, Kwartelstrjitte 47 De Fryske Akademy is fêstige yn it Coulonhûs, Doelestrjitte 8 to Ljouwert. Iepen: deis 8-12 en 13.30-17. 15 Ure; sneons sletten. Rijksarchief in de provincie Friesland Rijksarchivaris: Mr. S. J. Fockema Andreae wetensch. ambtenaren: Drs. J. Visser en A. van der Wal Het Rijksarchief is gevestigd in de Kanselarij, Turfmarkt 13 te Leeu­ warden. Geopend: werkdagen 9-17 uur; zaterdag 9-12.30 uur, alleen na aanvrage der archivalia (uiterlijk vrijdags vóór 16 uur).
Details
-
File Typepdf
-
Upload Time-
-
Content LanguagesEnglish
-
Upload UserAnonymous/Not logged-in
-
File Pages100 Page
-
File Size-