Genealogysk Jierboekje 1982

Genealogysk Jierboekje 1982

<x/yá\ia<*y£K ji€RB<teKj€ 620 ûnder redaksje fan Y.Brouwers, DJ. van der Meer, P.Nieuwland, T.G.Nijboer en D. de Vries, yllustrator en heraldysk meiwurker: P.Bultsma De ôfdieling fan de FRYSKE RIE FOAR HERALDYK stiet op himsels en fait bûten ferantwurdlikens fan de redaksje Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy Ljouwert, 1983 © Fryske Akademy - Ljouwert/Leeuwarden 'ISBN90 61 71 620 9 Printe by Offsetprinterij „Fedde Dijkstra B.V.", Ljouwert Fan dit boek mei neat fermannichfâldige en/of iepenbier makke wurde troch printsjen, fotokopiearjen, it meitsjen fan mikrofilm of op hokker oare wize dan ek, sûnder dat de útjouwer yn 't foar syn tastimming jûn hat. GENEALOGYSK WURKFERBAISI FAN DE FRYSKE AKADEMY KOART FERSLACH OER IT JIER 1981/1982 Ek dit jier setten wy útein mei ús útstapke en wol nei Hidaerd, Hartwert en Hichtum en fierders nei de Grutte Martinitsjerke te Boalsert. De reis waard besletten mei in ge- sellich byinoarwêzen yn it Motel te Boalsert. Op 3 oktober 1981 hâlde de skriuwer twa koarte ynliedings: ien oer de deiboek- skriuwer Rintje Reins fan Turns en ien oer de famylje Swaga, hjoeddeis yn de Walden. Ein oktober begjin novimber 1981 hâlde ús lid ds. C.P.Hoekema fan Ljouwert yn de Fryske Akademy-rige foar leden fan frouljusferienings 5 lezingen oer: Wa wiene ús foarâlden? En wol te Drachten, Ljouwert (2x), Snits en It Hearrenfean. Yn Drachten, Ljouwert en Snits wie de skriuwer mei genealogysk materiaal bywêzich. De froulju hawwe mei nocht nei ds. Hoekema harke — oan him ek tige tank — en it materiaal be- sjoen. Op 19 desimber 1981 betochten wy it 25-jierrich bestean fan de Fryske Rie foar Heraldyk. Haadpunt wie it útroppen ta „Heraut Frisia III" fan de hear drs. Jacob Vis- ser mei it oerjaan fan de heraut-stêf en it útrikken fan de bybehearjende oarkonde. Ein jannewaris 1982 waard besletten ta in protest tsjin it foar heale dagen sluten fan it Ryksargyf te Ljouwert. Den Haach hat dy maatregel — fan wa't dy kaam is my net dúdlik wurden — doe mar ien wike duorje litten. Gebrek oan personeel hat wol ta inkelde feroarings op de lêsseal laat, mar dy lykje yn wezen wol ta te fallen. Op 6 maart 1982 hiene wy in tige slagge middei, wijd oan de foarâlden en it lib- ben fan Waling Dykstra. Op 14 novimber 1981, 30 jannewaris en 3 april 1982 hiene wysaneamde frage- middeis mei 52, 53 en 57 fragen en in bulte petear. It foarnimmen om op 5 juny 1982 de rige gearkomsten ôf te sluten mei de Jier- boekje-middei koe net trochgean, omdat it boekje 1981 spitigernôch net op tiid ree komme koe. Yn in rûnskriuwen fan 18 maaie 1982 waard dat oan de leden trochjûn. Yn dat skriuwen wiene ek noch 29 fragen opnommen. Tagelyk waard ûnder de oan- dacht brocht, dat ûnderskreaune — sa as al rom fantefoaren oankundige wie — syn funksje fan skriuwer mei yngong fan it nije jier (1 juny 1982) nei goed alve jier dellei. Klaes Jelle Bekkema, ek fan Drachten, waard de nije skriuwer fan it wurkferbân. Ik wol dit ferslach beslute mei tank foar it betrouwen, dat yn my steld is, tank oan de oare bestjoersleden foar it mei inoar oparbeidzjen, mar foaral tank oan de frou- lju fan de administraasje fan de Akademy, dy't my sa tige ta stipe wienen. Drachten, 1 juny 1982 A. de Vries, âld-skriuwer. IN MEMORIAM HESSEL BIERMA Ingelum 17 april 1936 t Ljouwert 6 febrewaris 1983 It is no al wer in pearwike lyn dat Hessel Bierma stoarn is. As ik dit stikje skriuw is it ear- ste Ijipaai al wer fûn. De mai- tiid is wer oanbrutsen en it lib- ben giet syn gong. Mar it lege plak is net opfolle, kin ek net opfolle wurde. Mei Hessel Bier- ma is in persoanlikheid hinne- gien. In grut genealooch, ik doar wol steande te halden, de grutste fan dizze tiid yn Frys- lân. Dat is fansels maklik del- skreaun, de grutste fan dizze tiid, mar hoe siet dat no krekt? Wat die Hessel better as oaren? Ik sil besykje dat út te lizzen. Foarearst moatte wy Hessel sjen tsjin syn boukundige efter- grûn. As arsjitekt wie it him klear dat alle wurk, boukun- dich of net, rêste moat op deeglike fûneminten en dat der sûnder in goed bestek min wurk levere wurdt. Doe't hy mei de genealogy begûn, dat wie ein 1967, pakte hy de saken yn dizze geast oan. Hurd wurkje, jin goed oriïntearje op de mooglikheden, it âlde skrift yn de macht krije. Sa- dwaande duorre it net lang of hy fielde him op it Ryksargyf thús as in fisk yn it wet- ter. In oare eigenskip, dêr't in genealooch net sûnder kin, is in sterk ûnthâld foar nam- men, plakken, beroppen, ensafuorthinne. Dat kinne jo net leare, dat hawwe jo of jo hawwe it net. Hessel Bierma hie it wol. Fierders moat men de âlde teksten net allinnich léze, mar ek goed begripe kinne, om alles derút te heljen wat der yn sit. Ek dat wie Hessel wol tabetroud. Oant safier is it allegearre hiel gewoan, ferskate goede genealo- gen kinne oan dizze „profylskets" foldwaan. Mar dan komme de ferskillen. Gjinien be- oefene de genealogy op sa'n grutte skaal as Hessel, en sa effisjint. Op perfekte wize wist hy de genealogy te kombinearjen mei syn learaarskip oan de HTS. Gjin minút liet hy liddich ferstrike. Nea hoegde hy by himsels te beprakkesearjen wat er no wer ris oanfetsje soe. Alles hie er fan te foaren op skema stean. Foar alle gemeenten hie hy ringbannen om syn oantekens oarderlik op te bergjen. Nea fleach hy as in wylde troch de stikken. As hy mei in argyfstik klear wie hie er safolle oantekeningen makke dat hy winlik it stik net wer yn hoegde te sjen. Dizze manier fan wurkjen liket op it earste oansjen in soad tiid te fretten, mar is op in doer dochs de beste, op ien betingst: de oantekeningen moatte tagonklik makke wurde. En dêre sjogge wy Hessel op syn best. Mei help fan buorfamkes, dy't sa in bûssint fertsjinnen, lei hy in geweldich kaart- systeem fan nammen oan om syn úttreksels brûkber te halden. Yn Fryslân hat dit ap- paraat yn alle gefal syn gelikensnet, ik tinkyn hiel Nederlân net, alteast bypartikulieren. Fansels wie Hessel in earsten trochsetter, oars hie hy nea sa'n apparaat opbouwe kind. It begryp „opjaan" kaam net yn syn wurdboek foar. Mei't de genealogy fan de famylje Bierma al foar syn tiid publisearre wie, koe hy dêre net folie eare mear oan behelje, be- halven op it punt dêr't oaren faalden: it begjin. Doe't er himsels bekwaam genôch achte hat hy alles op alles set om de (foar)âlden te finen fan Hessel Idses, doedestiids de stamheit fan it slachte Bierma. Dit hat in ferskriklik dreech ûndersyk west, sa't gjin oar my bekend is. Hûnderten oeren giene der yn sitten, it like wol dat dit fraachstik net op te lossen wie. Mar tsjin de allesferwoastende enerzjy fan Hessel moast ek dit riedsel belies jaan. Hy koe bewize dat Idts Fockes, begroeven te Frjentsjer, de heit fan Hessel Idses west hat. Sûnder tal binne de genealogyske fragen dy't yn 'e rin fan de tiden oan Hessel Bierma steld en troch him oplost binne. Lykas bekend beoefene hy de genealogy foar- al op saaklike basis, tsjin betelling foar tredden dus. Alhoewol't hy net — likemin as doedestiids Osinga — goedkeap wie siet hy dochs nea om wurk ferlegen. De klandyzje hie der hiel wat foar oer om fan syn grutte kapasiteiten gebrûk te meitsjen. Yn dit saaklike ramt past ek, ein 1981, de oanskaf fan in kompjûter foar genalogyske doelen. Om dit stik ark goed betsjinje te kinnen sette Hessel de genealogy tydlik wat op in sêft sin. It hat in grutte teloarstelling foar him west dat mechanyske steuringen hieltyd wer foar tebeksetters soargen. Lykwols soe hy, sûnder twivel, op in doer de masjine folslein yn 'e macht krigen ha en soe hy ús nije paden foar de beoefening fan de genealogy wiisd ha, as him cfe tiid dêrta jûn wie. Mar dy tiid is Hessel Bierma net jûn. Yn de hjerst fan 1982 krige hy wat langer wat mear pine. Koart foar de krystdagen die bliken dat it der hiel slim foar stie. In pear wiken noch mochten Hessel, syn famylje en syn freonen hoopje dat it dochs noch alle- gearre goed komme soe. Hessel begûn al wer plannen te meitsjen, doe't alles ynienen de boaiem ynslein waard. Net yn dove berêsting, mar as in keardel hat er syn lot oan- furdige en droegen. Unbegryplike fluch taaste de sykte him doe oan, it wie ynienen noch mar in kwestje fan dagen. Mar Hessel hie himsels yn de hân en makke de nedige risselewaasjes. Doe, op 6 febrewaris, is er fredich hinnegien. Dit stikje is fansels bedoeld om Hessel Bierma syn fertsjinsten as genealooch te sketsen, mar der wie noch folie mear dat hy út 'e wei set hat, bgl. as lid fan de FNP, Gemeenterie, Provinsjale Steaten, ensafuorthinne. Ik moat mei it neamen fan dy funk- sjes folstean. Fan it Genealogysk Jierboekje hat hy fan 1971 —1975 einredakteur west, wylst hy ferline jier mei oprjochter wie fan de kommisje dy't de útjefte fan grêfskrif- ten nij libben ynblaze soe. Ja, in grut man is hinnegien. Grut, mar net grutsk. In man dy't him fan syn kinnen wol bewust wie, mar dy't nea út 'e hichte dwaan soe. As him troch minder betûfte sneupers om rie frege waard makke hy dêr altyd eefkes tiid foar frij.

View Full Text

Details

  • File Type
    pdf
  • Upload Time
    -
  • Content Languages
    English
  • Upload User
    Anonymous/Not logged-in
  • File Pages
    124 Page
  • File Size
    -

Download

Channel Download Status
Express Download Enable

Copyright

We respect the copyrights and intellectual property rights of all users. All uploaded documents are either original works of the uploader or authorized works of the rightful owners.

  • Not to be reproduced or distributed without explicit permission.
  • Not used for commercial purposes outside of approved use cases.
  • Not used to infringe on the rights of the original creators.
  • If you believe any content infringes your copyright, please contact us immediately.

Support

For help with questions, suggestions, or problems, please contact us