PARSEBERJOCHT 16 maart 2016

Ekstra sport op Omrop Fryslân Radio Sneon 19 maart fan 18.00 oere ôf

In jûn folslein yn it ramt fan Fryske topklups. Sneontejûn 19 maart pakt Omrop Fryslân op de radio út mei in ekstra sportprogramma. Under oare twa earedifyzje wedstriden en in Fryske derby yn de haadklasse komme oan bod. It ekstra sportprogramma wurdt presintearre troch Johan Terpstra en duorret fan 18.00 oant 22.45 oere.

Op it programma steane sneon ûnder oare de earedifyzje fuotbalwedstriden SC Hearrenfean tsjin Heracles Almelo en SC Cambuur tsjin Roda JC. Nei’t SC Hearrenfean ôfrûne sneon in punt pakte tsjin koprinner PSV stiet de ploech oankommende sneon tsjinoer de nûmer seis, Heracles Almelo. Fan dy klup ferlear SC Cambuur foarige wike mei 3-1. SC Cambuur stiet op dit stuit nûmer lêst en it is dus wichtich foar harren om thús tsjin Roda JC punten te pakken.

Ek yn de haadklasse wurdt it spannend mei in Fryske derby tusken Harkemase Boys en Drachtster Boys. De wedstriid begjint om 17.00 oere op De Harkema, de ferslachjouwing start al yn it radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’. Yn de spilet Snits Wyt Swart tsjin VVSB oan de Molenkrite yn Snits. Ferslachjouwer Koos Wieling hâldt de minsken thús op ‘e hichte fan it ferrin fan dy wedstriid.

Utsein fuotbal is der yn it ekstra sportprogramma ek in soad omtinken foar oare sport, lykas de kuorbalwedstriid LDODK tsjin PKC. Mar ek fan it follybal mei de froulju fan Snits tsjin Eurosped en fan de iishockeywedstriid HYC Herentals tsjin UNIS Flyers hâldt Omrop Fryslân de harkers op ‘e hichte.

Oanfang wedstriden: 18.30 oere: SC Hearrenfean – Heracles Almelo 20.45 oere: SC Cambuur – Roda JC 17.00 oere: Harkemase Boys – Drachtster Boys 19.30 oere: Snits Wyt Swart – VVSB 20.00 oere: LDODK – PKC 20.00 oere: Snits – Eurosped 21.00 oere: HYC Herentals – UNIS Flyers

Noat foar de redaksje: Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, telefoan: 058 299 7876.

PERSBERICHT 16 maart 2016

Extra sport op Omrop Fryslân Radio Zaterdag 19 maart vanaf 18.00 uur

Een avond volledig in het teken van Friese topclubs. Zaterdagavond 19 maart pakt Omrop Fryslân op de radio uit met een extra sportprogramma. Onder andere twee wedstrijden en een Friese derby in de komen aan bod. Het extra sportprogramma wordt gepresenteerd door Johan Terpstra en duurt van 18.00 tot 22.45 uur.

Op het programma staan zaterdag onder andere de eredivisie voetbalwedstrijden SC Heerenveen tegen Heracles Almelo en SC Cambuur tegen Roda JC. Nadat SC Heerenveen afgelopen zaterdag een punt pakte tegen koploper PSV staat de ploeg komende zaterdag tegenover de nummer zes: Heracles Almelo. Van die club verloor SC Cambuur vorige week met 3-1. SC Cambuur staat op dit moment nummer laatst en het is dus belangrijk voor hen om thuis tegen Roda JC punten te pakken.

Ook in de hoofdklasse wordt het spannend met een Friese derby tussen Harkemase Boys en Drachtster Boys. De wedstrijd begint om 17.00 uur in Harkema, de verslaggeving start al in het radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’. In de topklasse speelt Sneek Wit Zwart tegen VVSB aan de Molenkrite in Sneek. Verslaggever Koos Wieling houdt de mensen thuis op de hoogte van het verloop van de wedstrijd.

Behalve voetbal is er in het extra sportprogramma ook veel aandacht voor andere sport, zoals de korfbalwedstrijd LDODK tegen PKC. Maar ook van het volleybal met de dames van Sneek tegen Eurosped en van de ijshockeywedstrijd HYC Herentals tegen UNIS Flyers houdt Omrop Fryslân de luisteraars op de hoogte.

Aanvang wedstrijden: 18.30 uur: SC Heerenveen – Heracles Almelo 20.45 uur: SC Cambuur – Roda JC 17.00 uur: Harkemase Boys – Drachtster Boys 19.30 uur: Sneek Wit Zwart – VVSB 20.00 uur: LDODK – PKC 20.00 uur: Sneek – Eurosped 21.00 uur: HYC Herentals – UNIS Flyers

Noot voor de redactie: Voor meer informatie kunt u contact opnemen met de afdeling Marketing & Communicatie van Omrop Fryslân, telefoon: 058 299 7876.